-ocr page 1-
ir
mm o[a)3Z>
Cfo■ C (o-*-
EARNST EK KORTSWYL,
r
WA TÜARDRACHTEN.
KEN
WILLEM VRIJBURG.
y
-ocr page 2-
-ocr page 3-
Ynhald.
ËTzoc\'H ünfo wat ta &>&,
In teikening iit it earnstige Ubben.
IL
In bliik yn trijen jouwt kibberijen,
Foardracht for trije frouljue.
-ocr page 4-
-ocr page 5-
Troela ijLnls -rxrer ta, lolr.
In teikening ut it deislige libben.
Op in hearlike moarn yn Maeijemoanne, do\'tjif-
fer natür hjar moaiste pronk for \'t ljocht helle hie
om er hjar eptige lea bütenwinstich tierich mei to
toaijen , teagen , under it fleurich sjongen en fioitsjen
fen it fügelt, det boartsjend en loftich troch it llab-
berjend griene löfwirk omhipte, en wylst it bare
sinneljoeht fen boppen laitsjend troch de glopkes
kipe, Leendert en Anna nei it riedhüs, om twisken
hjarren in ban to lizzen, in hearlike sèfte ban, dy
as er ynmienens knoape wirdt, sa hecht is, det
er allinne mar troch de net to bek to halden
dea, forbritsen wirde kin. It wier of \'t de hiele
krite mei it lok fen it kreaze jonge pear frede hie,
en hjar in lokkige takomst ta sei. It hiele gea wier
feestlik en kreas opdien. It gealtsje, wer ut it Siiden
oanlanne , oerlaede de jonge lju.e mei hjar djippe
oargeljende toanen; it oanminnige ljurkje tilde stea-
tich omhegens bij treflik kweeljen vn joedeljen,
en wipte bij tiiden it kopke op side, om hjar fjtir-
kjende eachjes mei wolfallen op it pearke falie to
litten, wiles hagetoarnen en kwitsun hjar swiete
geurkes mei-en-wei joegen oan de wolkomme maei-
twirkes, dy leallike amne oer it paed, dat Leendert
en syn breid mei in mear as tofrèden glimglans op
de troanjes steatich lans trapen, folge fen hjar beider
heit en mem , dy \'t fen herte ynstimden mei \'t wich-
tige plan, dat hjar bern hjarren foarnomd hienen.
Hwet setten breid en breageman de hollen om-
heech bij it wapperjen fen de bünte lapen boppen
-ocr page 6-
o
hjarren , hwet eagen hjar alden tankber nei alles, wylst
hj& ünder de flaggen troch diikten. Op hjar bedage
antlitten stie wolbehagen to lézen , al dat moaije fen
dy dei wier for de bern, for hjar bern, dy hja
mei soarch en mei ljeafde sa fier brocht hieden,
dat dy it dwaen en litten op hjar fierdere libbens-
wei togearre op eigen skouders nitnme koeden.
Under de glèsdoeken troch seach min bjir en der
in blier ef nijsgierich kopstik forskinen, om Leen-
dert en Anna to muk to bekypjen. Elts moast
ommers wite ho hja klaeid wieren, of hja wol goed
op \'e stap gongen, of de breageman de boksen ek
to lang of to koart hie, of hja beide wol nije skoen
oanred hienen , of de breageman wol oan de goede
kant fen syn breid roun, of hja al of net earm yn
earm rounen, of as hja faeks ek tige utwrydsk opdien
wieren, en fólle sa mear. Mar ho elts ek socht en
ho alles benoaske waerd, ho graech folie ljue faeks lek-
sköchje wolle, der wieren neat nin lekken en
brekken to finen; Leendert en Anna koenen hjar
sjen litte sünder lykwols boppe hjar steat ut to ileanen.
De drokte, dy mei dit alles mank gong, rekke mei de
tiid wer oan kant, elts kearde yn syn eigen wente,
to freden en foldien dat de trouwerije sa best syn
beslag krige en ta \'n ein roun wier.
Leendert en Anna teagen wol to moed nei Grien-
terp to wenjen. Det wier sa likernóch in pear
ure geans fen it plakje der hjar beider widze stien
hie. Tige ynskikkelike burljue brochten de jongeljue
mei al hiar gerei en taspillen to plak. Bij it öfriden
untglupte wol in inkele swiermoedige sucht oan it
benypte boarst, waerden de eagen bidauwe, wiet,
yet ris op it alderlike hüs slein, mar mei in tige
hertlik »farrewol!" waerd de reis nei hjar eigen wenste
-ocr page 7-
7
oannomd. Hjar eigen skoarstien scoe dos nou rikje,
dat wier de langstme fen elkmes hert, der wier for
wrotten en wraemd, for sparre en garre, dêrhieden
hjar hearlikste plannen al tiiden hinne laet, dat wier
it wyt., it eindoel dèr Leendert en syn Anna sa lang
mei barnend begearren nei utsjoen hienen. Eigen
hüs en hird, eigen hear en master, dat is de winsk
dy de makker fen al hwet is soarfaldich yn \'e herten
forsküle lein hat, det is et hoapjen , it stribjen en
begearren sterk en krêftig genöch om sels fen ünder
in steapel ten lijen, hirde twang en ünfüge hear-
skippij him to üntjaen en op te sjitten. In winske
dy wierheit wirde wol; for elts de blinkjende stjerre
dy fier yn \'e fierte oan it loftrom flonkert, — it swiide-
ljocht, det libben en geest jowt, de goudene gloed
fen de opgeande sinne: »de frijheit".
Frijneit is myn libjen,
Frijheit hiel myn hert,
Winske, hoape en stribjen
Stees, bij lok en smert.
\'k Scil mei siele en sinnen ,
\'k Wol mei fêste moed,
Trachtsje dij to winnen,
Frijheit, heechste goed.
Frijheit, djüre frijheit
Jou elts krèft en moed,
Bring ïis lok en blijheid,
Fjïirge libbensgloed.
Boppen hearskippije
Rou geweld en twang,
Mei stou tierje en dije
Frijheit, dij myn sang!
De jongeljue fielden hjar thüs en wieren lokkich.
Hja smakken folop al it swiet, dat er for en rjucht
lokkige hüshalding weilein wèze kin. Mei iver en
-ocr page 8-
•
8
flyt teach de krêflige jonge man eltse moarn oan syn
wirk; wol to moed. kaem er mei skoft en jountiid wer bij
syn wyfkc , syn kloeke hüsfrou , dy mei moed de hüs-
halding tige sa (link op\'eskonken en itroorfen it skip
sa goed yn hannen hald.de, dat hjar ilitige oarchelte
op hjar fartóch liirn thi\'is en behaldcn fielde. For-
skate jierren teagen mei rein en sinneskyn rimpen
forbij ; en , al hie it wrede needlot bjar oantaest,
en de herten oan it blieden brocht troch it weinirn-
men fen hjar alden oan wearskanten, op in oare
biïch wier dat fortriet ryklik forgoede troch dat de
earrebarre , »dy beste swartrok" faek eris in lytse kyk-
vn-\'e-wrald oanbrocht hie. De hüshalding staette
dertroch wol op hwet mear swierigheid mar dertroch
kipe de laitsjende sinne ek en kear faker troch
de ruten yn dy fredige wente. Moast er eltse skoft
in brocbje mear op \'e tafel komme en er hwet grea-
ter soad ierdapels öfdraeid wirde, mei \'t er in hon-
gerige mule mear wier, Anna wist it mei skreppen
en oerliz sa yn stokken to halden , dat hjar dwaen
en litten ten eltse hiishaldster ta \'n foarbyld nommen
wirde koe. Sêft en beskieden wier alteast de toan
dy de alden tjsin hjar bern, en de berntjes tsjin hjar
alders oansloegen. Gjin rouwe wirden , gjin Hokken
en bearen ef hearskjen en hjitten, né, hertlik en
oanminnich, gemoedlik wier de klank, dy jimmer
oan, op \'e sèfte wjukken fen in lok- en frede-ingel
troch de wente fen Leendert en Anna riisde. Mar
lyk as de kleare loft op in soele simmerdei yn in
omsjoch mei swarte, driigjende wolkens fortjustere
wirde kin, sa stiet ek in lokkich husgesin bleat
tbr ünk en fortriet, as dat, hwet min needlot neamt,
syn offers der titkard hat. Faker as ienderis hie dy
glüperige boade fen ünk en wea al ris bisocht om
>
-ocr page 9-
9
to mük yn Leenderts wente to slfipjen , mar Anna
wist altyd, as hja him oankommen seach, doarren
en finsters sa goed to skoateljen, dat de kweade,
al ho fyn en slim hy it ek oanlei, dochs cltse kear
syn noas slaette. It gong him der binnen mar min
nci de holle, it wier frede en Ijeafde fulop. Dat
koe sa net langer gean, der rnoast er nedig yn
omheisterje; skeel en lijen scoe der ienderis
kening kraeije, it mocht hiete trienen kosje,
mar it scoe oars as \'t doslang wier, der stie
er op. Anna hie him fen lierren al ris troch de
rüten loeren sjün, mar hja wearsge sa fen him,
dat hja bij hjar sels bislette alles oan to gripen
om him buten doar to halden. Hwet stie er der for
de doar to lonk jen en to moaipraten; yn de iene
han in spil sierlik moaije kaerten, en yn de oarein
greate glimmende flesse, oan de hals ta fol fonkel-
jende drank ; dat spil woe er allegearre wol jaen, en
yette folie mear, as er dan mar efkes binnen doar
komme mocht......»0 né: man !" ropt Anna, fol
eangstme, »gean ringen hjir fen dinne, ik haw soks net
brek. Dij scil ik er buten keare , sa lang as er krêft
yn mij is om it forkearde en forliedelike de holle to
bieden. Mar Leendert blonken dy kaerten, dy bünte
printsjes, en dy flesse fol kostelike drank sa ünbii-
dich yn \'e eagen; en den, de kweade praette sa
oannimmelik en aerdich, dat hij er in wünderliken
langstme nei krige, om de skoatel mar efkes fen de
doar to skouwen. »Och Anna" , seit er, »hwet scoe \'t
dochs hinderje, as dy man hjir in toarntsje toefde;
faeks is er kald en wirch, en derby, hij freget üs
ommers sa frjeunlik en komt ek net mei lege hannen ;
sjoch ris oan , ho as dy kaerten blinke en ho swiet
dy hearlike drank rukt; lit üs de skoatel op side
-ocr page 10-
10
strike en de do-ar effen iepen dwaen .... en Leen-
dert traepe neijcr nei de doar ta. Anna grypt hjar
goede man by de earm, en ropt fol eangstme:
»Och.....Leendert.....Leendert___myn beste
man .... doch dat net, lit dy man bjir net binnen,
ik lês it yn syn loerkjende eagen , dat er it taleit
op üs ünk. Och, hear nei my Leendert, lit it om
my en om myn ...... om üs ünskildige herten fen
berntsjes: Ut namme fen üs alden dy op it tsjerk-
hóf rèste, om alles bid ik jou, doch de doar net los.
Leendert, ljeave beste man, lit de skoattel rêste, ik
wol it sa graech. Alles, alles wol ik dwaen, mar
sparje mij, hoedsje üs for dy forlieding" .... Leen-
dert stiet en poaske stil, yn syn binnenste woelt it,
hy twifelt, hy wit net hwet to dwaen, der- buten
stiet de kweade sa forliedelik to noegjen .... Leen-
dert giet al neijer nei de doar ta, tilt syn earm op,
yette ien lyts eintsje .... ien kromke fierder......
noch in stapke, en der knarst de yzeren tsjinwar,
de doar giet iepen.
In yngripende ütrop fen: »0, Leendert!" .... en
foartoan is alle hüslike frede wei,.......wei is it
moais det ienderis as in pearel blonk oan de kroane,
de houlikskroane fen Leendert en Anna.......De
sinne kroep beskamme efter tsjustere wolkens, sonk
sêftsjes wei yn it iiere westen.....it waerd......
nacht, en neat as snokkerjen forbriek de akelige
stilte. De macht fen in spil kaerten en in flesfol
barndewyn wier sterker as de pine fen bloedige
triennen fen in sédige frou, de mem fen fjouwer
ljeave berntsjes .... De kweade stoep dryst en mas-
terhaftich oer de tlier, lake en spotte mei de bea
fen in mem, in mem , dy rjucht oanroap for hiar
bern. Hy fornielde de slüting om sadwaende eltse
-ocr page 11-
11
ure frij tagong yn it hus fen Leendert en Anna to
hawwen , en hy troande syn offer mei altyd weroan,
om him linkjende wei it fornyn ynsuchje to litten-----
Anna liet gjin klachte mear fen hjar gean, hjajoeeh
for dit pas forlern , mar mei de han op it hert, en
it wiete cach op hjar bcrntsjes, swarde hja yn stilte
net earder ïvste to scillen as dat hjar Leendert wer
yn hjar earmen wer keard weze seoe. De kweade scach
oer \'t skalder, en trochseach mei syn füle earns-
eagen hwet er yn hjar omgong en stie syn spil mar
heal, mar.... »kom", sei er süntsjes tsjin Leendert....
r>hjir haste faeks neat as krimmenaesjes......kom
mei nei mines, der hawwe it alhiel for \'t winskjen" ....
En Leendert teach mei, yn de doar seach er yet ris
om, syn eagen metten dy fen Anna.....hja stiek
de earmen ut___«Leendert" .... wier it.... «Leen-
dert !" .,.........mar de kweade naem him by de
earm en trjuwde \'m ta de doar ut...........
In freeslike kanker hie hjar leat inte, it int woechs
tierich om heech, sa dat it op \'t einsluten in beam
waerd oerladen mei gljeune reade blommen, en do
\'t dy hjar pronk oer de ierde waeije lieten, wier er
plak ynromd for ftnbidige pronkerige \'apels. Mar
ho bütenwenstich dy pronkstikken ek de eagen be-
tsjoenden, yn de müle lieten hja in bittere neismaek
efter, en yn de mage waerd it in forwoestinge dy
gjin perfester torjuchte skipperje koe. Mar ten sterke
krêft is yn steat dit greate kwae mei woartel en
tuke ut to rugjen, ien macht, en dy macht hiet
ljeafde.
Dy krêftige help stie Anna trou bij. Moedig hie
hja al it lijen trochstien, dat de forlieder twisken
hjar mürren toage hie en yn hjar hert it middel
bewarre for de kwael om dit to brüken as de sykt-
-ocr page 12-
12
me op it heechst komme mocht, en hja mi\'ilk oan\'t
siekbèd roppen wirde koe.
Dagen fol leed teagen forby, de loft wier jimmer
tsjuster, leadsk en naer; ho mennich kear as ek de for-
dildige mem hjar eagen moarns nei it easlen kearde,
oan de kjimmen wier der for hjar gjinljocht tosjen;
it bleauw skimerich eltse moarn.
Leendert wier op in glibberige dwaelwei, al mar
oan, wylst syn falske forlieder hirn op side bleau. Sa ,
yn pleats fen bij Anna en de berntsjes thüs, socht
er syn treast yn de Wite Swan. Mennich kear barde
it, dat as de man de Snieun-to-jouns op \'e stap tein
wier, Anna him net foar snein to nachts wer thüs
krige, en dan mearst sa, dat it for de frou mear
as pynlik wêse moast. Dan wieren hjar de eagen
hiet en droech, mar as hja yn it djipst fen de nacht
op hjar man to wachtsjen siet, as hjar eagen den
meilijjend op hjar rêstig sliepende berntsjes foelen,
dan rollen de hiete trienen oer de bleeke wangen,
op hjar naeijen del en hwet harke dan hjar snok-
kerjen mank it tikjen fen de ald klok, dat alders
erfstik, droamich ientoanich yn de kalde iensimme
nacht.
Forskate kearen hie Anna hjar ófdwile man de
spegel fen it forkearde for eagen halden, mei bloe-
dige trienen bea hja him dy wei dochs to forlitten
en yn \'e hüslike skerte to bek to kearen, mar hja
like oan in doaye mans doar to klopjen.
Forslein, mar net alhiel moedeleas gong Anna
lykwols de tiid to mjitte mei de stille hoape en fol
bitrouwen, dat hja ienkear hjar Leendert fen alear
wer fine mocht en wer fine scoe. To \'n earsten
wier hja, as de berntsjes rêstlik wei dükt wieren,
wol faek op hoasfoetling to mük it hüs ütslüpt om
-ocr page 13-
13
ris oan it finster fen \'s Wite Swan to hearen, of
Leendert der yette siet. Hja wier dan fol noed oer
him, hij koe bij tsjister en untiid ris yn it wetter
reitsje, en o, dat scoe se hjar sels nea net forjaen
kinne. Ho trillen dan hjar lea, as se syn lüd fier
hoppen de oaren üthearde, ho moast se hjar sels dan
bedimje om net yn dy drankhoale op to fleanen en
hjar man ta to roppen . . .: »hjir wei Leendert ...
hjir gappet en djippe ófgroun! ..." mar it for-
stan fen de frou bihalde de oerhan. Hja gongwer-
om, nei hjar berntsjes ta, en wekke sa lang ont
de ljochten de sliep gjin tsjinwar mear biede koenen.
Yn de hüshalding bleauwen de gefolgen fen Leenderts
libbenswize ek net wei. Mei al hjar oerliz koe Anna
de boel net mear goed op skonken halde, en as de
berntsjes dan soms fregen om it nedige, moast hja
hjar faek omkeare, om hjar triennen wei to stop-
jen.
In lytse tiidromte wier wer om. De widze stie wer
oer de flier, it fyfde berntsje, in ljeaf mütel jonkje
wier der fen de earrebarre oanbrocht. It hert koe net
wite, dat hij de ingel wirde scoe , om syn forbjustere
heit fen \'t forkearde paed en yn goede haven bij mem
werom thüs to bringen en de herten fen syn alders
for altyd wer to forienigjen .. Anna wier fen de léste bi-
swieren net sa fleurich opstien as forhinne, it lijjen
en it fortriet hie hjar aldsk en swak makke. Yn de
dagen, do \'t er to sines sa\'n wichtich foarfal pleats
hawn hie, wier Leendert in toarn fen de wiffe dwael-
wei ófstapt, en Anna hie in heimelike winsk dat
einlings hjar triennen yn fruchtbre ierde fallen wêse
mochten. As it joun wirden wier en de berntjesby
\'noar yn swiete slom leine, dan easken de öftobbe
warge lea fen mem ek rest en moast hja op bêd.
-ocr page 14-
14
It aldste , hjar Hinke, stoep dan sa lang yn memme
foetstappen en soarge foar it jinge dat needsakelik
nei sinne yette barre moast. As Leendert er den
al ris üttrape, kaem er ridlik gauw wer to honk. Op
in Sint-Stefïenjoun beslette er om doch ris efkes yn
de Wite Swan to kypjen oft alles der yette by \'t
alde wier. Lit de doar mar los stean, in de lampe
barne, ik kom net malle let wer thüs. »\'t Is best,
Leendert", andere Anna, »ik gean dermei lizzen, en
Hinke kin sa lang wol opbljuwe." Foart hjir op
stoep Leendert de doar üt, en mei in beswierd ge-
wisse nei it hüs fen ellende en jammer ta.
Yn de Wite Swan gong it Mjhwet lüd ta, Hokken
en swarren gjin brek.
De beide forlieders wrakselen om it masterskip. De
bünte kaerten, dy de lijers de léste sint üt de büsse
helje, en de drankdivel, dy reusekrêften sloopt en de
deugdelikste hüshalding yn drabsige ünfêste sompen
raemt, — dy beide greate maten spilen, ek werdy jouns,
oerhearich op hjar poat, en fierden it heechste wird.
Leendert hie dit alles in poas oansjoen en heard.
It earste dripke fenyn wier wer ynnomd. Troch det
er net sa hiel lang yn \'t Swantje toefje woe, tsjinne
it wol in kromke hirder fen streek to gean as sljucht
wei, scoe er syn gewoane mjitte ha. To \'n lange
léste foei syn each op \'e klokswizer, dy him de wit
brocht, det it mear as tiid wier, om dy hoale to
forlitten. It wier tsien ure en Leendert naem him
foar om plicht boppe wille to halden, en de Wite
Swün de reach ta to kearen.
Oan \'e tafel, der hy him del setten hie, waerd
drok en lüd spile; de koperlaepen striken fen de
iene kant nei de oare, en it bloed fen de trouwe
klanten yn de Swan riisde eltse slach omhegens, om
-ocr page 15-
15
om op \'e graed-mjitter oan to wizen, ho folie er wol
oan Bacchus offere wier. Ien fen de Ijue tochte
foar him sels, det it nou sa moai gnap tiid wier om
de Witte Swan goenacht to sizzen en gong oerein
om mei de baes üt it Swantje lyk spil to meitsjen.
Hy hie oars syn bekomst yetie net, it gong sa tige
moai, mar by sines oan hüs lei der in minske, in
ald sloaf, syn bijierre men .... syn mem , die him
widze hie, dy hjar ufsloafde, do \'t hy neist in jier
of fiif mei lamme lea op it siikbed smyten wier;
nou hearde er wol in kromke earder nei honk to
gean.....it spiet him wol deales, mar dat akelike
gefal lei er nou ienderis. Mei dit beslüt wier it oare
folkje malle min tsjinne. Hja toarnden Leendert oan
om de lege troan in beslach to nimmen;.....sokke
spulbrekkers wieren kearels fen neat.
De kaerten laken Leendert wünderlik moai ta op
dizze joun ; hy draeide syn eagen yet ris nei de klok, de
wizer wier al wer hwet avansearre ... It wier netbetiid
mear, mar \'t wier ek mar ienderis yn sa \'n roun jier
Sint-StefTen .... Hy sette him op it lege plak en alles
wier yn in wip kant en klear. \'t Spriek sa klear as
de dei, dat hy tige min mei de lége romer der sitte
koe , de kastelein koe ljocht en f jür net hielendal om
\'e nocht jaen, dat koe elts forstanich minske wol
ynsjen en begripe.
Al ho goed nou de foarnimmens fen Anna hjar
ófdwile man ek west hienen, do er fen hüs de pas
nei de herberge sette, hy rekke op \'e nij wer yn it
net fortiisd, en dizze bar wer sa slim, dat er oan
üntkommen for him net to tinken foei. Sa spile en
swolge it yn do Swan fen it iene amerij ta it oare;
der wier gjin ure mear fen shVen, en ho letter, ho
mear spektakel ho moayer.
-ocr page 16-
46
De kleare smakke Leendert dy jouns oeribele bost,
hy wist net hwer him dat nou eigentlik yn siet,
mar, it wier mar sa, en dan mei de kaert ?......
nou dat hie er yn tiiden sa net bilibbe, it foei
mirakelachtich. It stiet fost dat Leendert sa nou en
den oan hüs tochte , hwent hy sloech oan syn maten
foar, om nou dochs mar to skieden; hja troffen \'n
oar wol ris wer yn \'t Swantsje. Mar de maten setten
nüvere eagen op, as hearden hja it yn Keulen ton-
gerjen. Do spatten hja heislik op.....„bistou in
kearel datste dij fen dyn wiif ringje litste ? Sitste
yet net genöch ünder de plak?" waerd er sein. En dan
mei winst ophalde" röp in oaren. „Hjir Arjen," balte
in trêdde lüd , tsjin de kastelein, „hjir sa ,.... jow my
yet ris ien en dan Leendert ek .... hwet divel noch
ta___jow mar kaert" .... De swakmoedige Leen-
dert biswiek ünder de lést fen sokke krêftige wirden ;
hy tochte net mear oan de mem mei hjar kroast....
Wiles alles yn \'e Swan syn alde stap halde, wier it
by Anna yn \'e hüs rêstlik en stil. Mar ho freedsom
for \'t üterlike, yn it memmeboarst, bigoun it ünrès-
tich to klopjen, en ho fierder de klokswiser op syn
ald paedsje foart draeide, ho redder it hammerke him
warde. Hinke , dat oars sa warbere fanke, bigounnen
de eachlüken sa swier to hingen, dat hja it er net
mear sünder sliepen oubringe koe: hja wier ommers
sels noch in bern!
„O , mem ," sei it stumper, „scoe heit hast komme ?
I k bin sa slieperich .... \'t is al sa let mem ; mei \'k
wol op bêd gean 7\'
„Och ja, ljeave," andere Anna, „gean mar oan kant,
heit scil dermei wol thüskomme, mem bleauwt wol
to wekker." Dalik dernei kroep Hinke yn it waerme
nêstke by hjar sliepende broerkes.
-ocr page 17-
17
Stil en troch earnstich teach it holle feri \'e nacht
forbij ; \'t waerd iere moarn. Anna koe net sliepe ,
hjar gemoed wier op \'e nij wer yn ünstjür. O, it
wier hjar sa akelik to moede, hja fielde hjarsafor-
litten. It oars sa fleurige tikke-takjen fen de ald
klok, klonk de lijende frou yn de earen as it lieden
fen in deaklok. It waerd sa let,........en......
Leendert bleau mar wei....... Ho de be-eangstQ
frou ek weitsje woe, ho de ljeafde for man en
berntsjes, dy trouwe stipe hjar ek to skoar sette, —
fen de oare kant begoun de natür hjar sin troch to
drjuwen. Wylst Anna der lei en allerhande tsjustere
spoeken hjar fór de eagen omteisteren , foelen de lo-
ken fen wargens ticht. Hja slomme yn...........
De lampe róp om oalje, al lüder en lüder, en do
dat roppen net forstien waerd, gjin helper opdage
en de nacht, dy krêftige kampfjuchter hjar oermansk
rekke , bejüch se hjar geande wei............. It
waerd skimerich en einlings neare nacht...... Yn
de Wite Swan wier it léste bedrjüw óuspile. Itge-
dyn foei; hjir en dêr stroffele ien fen de plakkers
hinne , en sa kaem Leendert lang om let ek to honk.
It like wol dat alle fielinge en skamte yn \'e öfdwile
man yet net ütdoafd wier : Hij moast soms ris harkje
nei de stimme, dy him yn syn binnenste nou en
dan ris heare liet. Süntsjes die Leendert de foar-
doar iepen en kaem stuitsjende op \'e taest bij de
mürren lans, sa stil as er koe yn de keamer, hwer
de fordildige mem en hjar berntsjes yn de sêfte ear-
men fen de sliep , yn djippe rest leine. Oan de oars
sa fêste han fen Anna wier for in hoart it widse-
touw üntslüpt, det op de flier del gliden wier. Tjus-
ter wier it en de ongelokkige man moast alles be-
fiele, scoe er it paed yn syn eigen hüs fine. Der
-ocr page 18-
18
staet er tsjin \'e widse oan. It mütele jonkje skrillet
er fen, kryt, en ütert syn fortriet mei in tear stim-
ke. In klachte , in sêft forwiten tsjin syn heit. Syn
kleij end lüdsje brekt de stilte en docht de outobbe
mem ut hjar slom opskriljen.
Forheard wirdt hja to wekker en taest om hjar
hinne, mar it widsetouw is nearne to\' finen. Alles
is hjar tjuster.......... »Binne jou det, Leendert?
binri\' jy thus, Leendert ?" — »Ik.......bin it...
sels" , stammelde de man, »ik.........ik scil it
jonkje.............. bringe........... O , né,
Leendert!" ropt hja fol eangstme, «doch dit net!
Ik.......... kom, ik scil ljocht opstekke". De
heit woe wiizer wêze, hij hat it lytse boike al yn
syn earmen nomd.......... Hwet! scoe hij dat
net dwaen kinne , hij, in man ? In man , dy al-
les kin, as it fen him ferge wirdt?.......... Leen-
dert giet op it bêd ta, wylst Anna fen noed hast
buten hjar sels, skrept om bij hjar berntsjes to kom-
men ........ Freeslik ! syn ünfêste skonken fortiisje
yn it lange widsetou......ien swiere plof.....ien
akelike gjalp fen: »0 God, Leendert myn bern!"
Mear koe de fortwifelende mem net ütbringe. Do
swij alles. Stil wier \'t, stil as yn it tsjustere grêf.
De ald klok wier dy jouns net opwoun , de wicht
rekke de flier en de tikker stie stil. In ünskuldich
berne-hertsje hie ophalden to klopjen. Oer dit treu-
rich foarfal lei de nacht; in swart flus dekke \'t. Oer-
floedige triennen binne der skriemd fen wier berou
en wiere ljeafde. Folie is der oars wirden. Yn de
Wite Swan wier de léste foet setten; it skommeljende
widske miste fen de flier. Op it skaedige fredige
tsjerkhóf kaem in lyts terpke. Der ünder slomme
in tear, ünskuldich jonkje. En yn do wente fen
-ocr page 19-
19
Leendert en Anna wieren twa herten wer forïene
mei in ban sa hecht en fêst, dat neat dy wer for-
brêkke kin en scil, foar de dea him losknipt.
UT
0 **gfo qW* j
In bliik yn tójea, jowt kibberijen,
Foardracht for trije frouljue.
Persoanen :
TRYN, GRIET en JANK E.
EARSTE TOANIEL.
(Tryn komt op mei in biesem en in tobke mei
linnen; hja is sljuchtwei klaeid,
— in wite breiden
mütse sa hwet skean op; hja smyt de biesem nidich
del, set it tobke forheftich oer de groun en mimt er
in stik linnen üt, dat alhiel to-ivadde liket, en seit dan
:)
\'t Is den wol divekaters, der \'k sa\'n wud om siz,
dat is er nou jandoasje altyd to redden, aldendeale
hoannepoaten; ik kin mar wer fen foaren óf oan
begjinne, dy smoarrige greate koksiaenske hoanne
fen Griet en Ate waddet süfer altyd mei syn oer-
-ocr page 20-
20
hearrige stappers op yens skoander linnen om. For-
line wike wier it al sa\'n lijen : earst de hiele yeske-
bult oeral helle en do mei syn smoarge klauwen oer
de bliik to heisterjen. (Hja besjocht wer in oar stik
linnen en sködhollet:)
Jonge ! jonge ! Ik leau, dat
dy greate raeshek it er om docht; altyd oer myn
linnen, dy loebes; en as min him den mei in stien
of de klomp in lawibes jowt, kraeit er noch boppen
alles ut. Ik gean yn \'e nije wike nei Davit Flut en
den helje \'k for in sint mennich rottekrüd; ik wol
sa\'n lést net fen in oarmans hoanne hawwe, sels
haw \'k net iens ien, dat haw \'k net. (Hja sjocht
oerside, ünderhellet rimpen de biesem en slacht er
mei
:) Tsjoe dou ! greate raesbek , kaetsdou ! (Hja
jaget de hoanne foart, Ut de biesem wer falie en
klapt yn \'e hannen.)
Scoe \'t al wer wêse, stjonkert!
tsjoe!! ik scil dy wol yn it lyts himd krije baes,
doch mar tiid! .... Ja ja, kraei dou mar!
OARDE TOANIEL.
Janke:
[Hja komt op mei in izeren pót of in amer yn \'e
iene hdn en in dweil yn \'e oare; hja kin yn
\'e swarle
mütse vrêse, of mei in dlde Mint strieën manljue\'s
hoed op, sa as arbeidersfrouljue den wol dochge;
—
foaral yn it eachrinnend foech klaeid.)
Jy wolle gjin mot om \'e tsjennen hawwe fèst; hat
de greate trêdder it wer bedoarn? (Tryn Ut in stik
linnen sjen.)
Ja fanke, it is in bedoeling mei in
bliik yn trijen___Heare, heare! hwet is \'tin lést,
net? Ik haw forline wike net wosken, mei dat ik
net al to, al to wier, mar for \'n fjirtsien dagen, do
haw \'k dan sa obsternate lilk west, dat lis folk
hawwe mij yn \'e hüs tóge; süfer doem fen lilkens,
-ocr page 21-
24
moast tinke, en dat om dy smoarge houn fen Griet
en dij, dat akelike flarde. As ik him yn \'e beset-
tinge krij, dan draei ik him de kop om, dat \'s foi--
deald wier. Hie dat pyst mij myn floddermütse net
wei tóge?...... jy scoene sizze, sa\'n strop, net?
mar alhiel toroppe en yn flarden!
Ik scoe snein mei oan \'t nachtmiel, moast tinke,
en nou wier myn oare flodder mij hwet al to goar,
moast wite; ik hie him ophawn op kreambesite bij
Bouk ; letter hawwe Jan en ik in dei nei Janne moike
west, der hie \'n we yn treddel jier net ris sjoen.
\'t Wier de deis moai brodzich waer, do hie \'k him
gansk trochswitten ; nou wier er mij hwet al to foeeh
om er mei oan tafel, en wrachtsjes, der lapt mij dy
snaek sok ding. Ik scoe him mei de biesem in op-
stopper jaen, mar hij flutte mij ünder de skonken
troch, en do stie er mar to gik-oanstekken. (Hja
docht in houn nei:)
Woef, woef, woef! ...O, min
scoe kügels wirde, dat is mar sa. Ik siz mar, hwet
dochge Griet en hjar yn \'e goedichheit mei sa\'n
fike; is \'t wier as net *?
Tryn:
Sa is \'t krekt, Janke, en sa\'n smoarge houn is ek
nog ympost op fen sels; wy \'ljue kinne üs eigen
koarsten wol bite , siz ik den,.... mar der is mei
Griet net oer to rintenearjen, hja tsjettert en keakelt
altyd dwers troch alles hinne, dat hjerren en sjen
scoe yen faeks forgaen.
Janke:
Ja, en den stiet dy slüche mokses, dy sleauwe
soksis fen in Ate der mar bij to gniizen; dat is bij
my den sa\'n wearlichs greate aep! Ik sei lésten
tsj in Jan, ik sei: ik leau wrachtich, dat Ate bij
-ocr page 22-
22
tiiden net wiis is,... dy koalle hat foar gjin botsen
to sizzen,... dan komt Griet oantoaijen mei dit, en
dan wer mei dat. Koarts kaem hja oansjouwen mei
sa\'n jonge geit op \'e nekke. (Laitsjende mei folie
drokte
:) Hearink , Tryn ! hwet haw \'k gniisd , dat
wier den sa\'n malle fortoaning, kin \'k dy sizze.
(Hja set de boel del, hdldt hjar lyk as Griet sjouwde,
de beide hénnen op \'e skdlders, om sabeare hwet
fêst to helden:)
En dat lytse hert fen in geitsje dat
seach mar; it stumperke wier noch nea sa heech de
loft yn fest, wol \'k leauwe.
Tryn:
Hwetste seiste, ju! Der hie ik noch gjin krisels-
krom fen fornommen , fen dat hiele geitsje net. Nou,
mar dan krije wy mei koartens dat flarde ek oer
üs linnen to wadsjen; nou mar, ik scil er yn for-
sjen , det scil \'k ! Min moat sels mar trochtaeste ,
hwent rjucht is er dochs net to finen foar üs ljue,
ik haw al twaris nei üs hüsbaes ta west, mar der
kom ik om \'e deale ek net wer. Ja, dou moast ris
bigripe hwet Aal Protter nou al ütstruide: ik fleach
der in blikgat bij Jurjen, en it wier ek net om doch
sa, sei hja, it scoe mij dan wol om Jurjen to dwaen
wêze. (Hja wiist pp de biesem.) Nou, al like min
as dy stomme biesem haw ik derom tocht; sa\'n sleep,
net 1___Jurjen is noch frij feint en for syn dwaen
wol aerdich gnap, as er yn it habytis, mar stumper,
hij slingert al in hiel ein nei de sextich,___né hear!
Mar ho\'n blei, n\' \'t wier ? mei hjar gelekskoai,....
dou en ik hawwe Aal sa lang al kinnen; \'t wier
ommers in minske griis ho\'n wylde pust as \'t wier
yn hjar faem-wêzen.
Janke:
Ei ja, ju, mar sa\'n jonge tsjeppe widdou, liken
-ocr page 23-
23
as dou, wirdt al ridlik gau it iene of it oare nei de
hakken smiten .... Soa, den woe Aal dér op del...
en joech dat neat bij Jurjen?
Try n:
Gjin byt hear. Hij sei koart wei: »der wol ik
gjin dwaen mei hawwe, jimme hawwe dy bliik mei
jimme trijen, en den moat elts syn part mar óf-
fredichje".....Der koe \'k mei opkrasse. Ik leau
eigentlik dat er hwet brimstich waerde, hwent hij
smiet mij de doar foar de noas ticht.
J anke:
Offredichje! Dat doch ik net; min moat hjirsa\'n
tige hier betelje , der kin neat mear bij, hwet wirdt
er langer fortsjinne ? (Hja hdldt de hdnnen op:)
Krekt ien fjouwer goune hat Jan mij forline wike
thüsbringe kinnen en hwet is fjouwer goune tsjin-
wirdich yn yens hüshalding, alles piperdjür: it brea
is ek al wer in sint opslein, en den scoe min ek
noch fen yens korels-kromke iVjaen for dy fréderij ?
Né, om \'e dea net, hear!.... Mar dou hoefste gjin
lést fen Griet hjar hinnen en oar reau.
Tryn:
(Hja sproet it linnen wer ut:) Och goeie gunst,
sjoch mij dat \'e ris oan, allegjearre hoanneprinten ...
forline wike wier \'t al sa\'k krtis, do haw \'k alles
wer yn it wetter hawn. Ik hie de gedinen to blikken
en der stienen mij hiele leesten op,......mar dat
liken wol poaten fen k\'ninen, en dat wol \'k ek hiel
wol leauwe, hwent nei \'t Griet opdie, den moast
jimme Wiger, — ja, ik moat nou mar sizze sa \'t
is, — mei in trits oare jonges efter de k\'nyn omjachte
-ocr page 24-
34
hawwe, dat bist hienen hja ut it hok hawn, en sok
fé fljucht rounom oer hinne.
J ank e:
Dat liicht Griet! de k\'nyn hat it hok net üt west,
en as dat al sa wier den hie er it op myn gerjuch-
tichheit dien, hwent dou hieste dyn gedynen op
myn blikkers-plak smiten, dat kaem dochs ek net
üt, sa sünder freechjen, dat giet altyd mar; ik bin
hiel net ünskikkelik, mar ik wol myn jonge net to
nei komd hawwe, to minsten net om dy alde gir-
dinen.
T r y n : (hivet lilk)
Alde gedinen 1 ? As tou nea gjin minder, fodden
for dyn sküframpten hingjen haste, meiste de Heare
wol tank je! (Mei de hdnnen foarüt:) Ho mennich
kear haste dyn lekkens net heal oer mines hinne
saeid ? Do stou dy boerfeinten to bewaskjen hieste,
noamste alle amerijen de hiele pölle yn beslach;
dat is bij mij ek gjin wisansje, en in hoapen goed,
nou, min scoe er yen om skamje, dat is sa!
J a n k e : (ek hwet foarser)
Dat goed wier gnapper nóch ; \'t is dy fêst forjitten,
dat ik twa kear dat belape ünderst fen myn beibeam
óf remaeid haw; de ljue scoene miene, dati/cersok
moai ündergüd op nei halde.
Tryn:
Hwet gnap forsef is, hoeft nimmen him for to
skamjen; ik kin alles net fen \'t boppenste boardtsje
hawwe, lyk as in partje, (mei in skeane troanje:)
mar hwer earne it by simmige ljueek wei komt, der
stiet de wrald forsteld fen. Hwet ik om \'e hüd
haw, is koft en betelle.
-ocr page 25-
25
TRÊDDE TOANIEL.
Griet:
(Hja is likernóch klaeid as d\' oaren en komt op
mei in kynsens koerke Ander de earm.)
Ik haw \'t dy lésten ek al sein Tryn, datste dy
smoarge alde boarre forsüpe moatste en oars doch
ik it. Hwet divel noch ta! der \'k sa\'n wud omsiz,
is my dat in kristlike wize fen dwaen? (Hja set de
koer del en de hdnnen yn \'e side
.) Ja, nou moast
ris bigripe, Janke, dy ald slynder hat mij wol hiïn-
dert kear, den liich ik to minsten net, de rieamme
opslynd; hij glüpt dan troch de hinne-matte, sjoch-
ste, .... der is gjin freedsjen tsjin. Ik hie in heal
yntaest krige fen Wiggele Filder, en fordikke, ik
kom yn \'t efterhüs en der sit mij dy ald snoeper
mei de halsknoarre op \'e branje .... Ik haw soald
hwet ik öfsoale koe, mar katten binne taei, en be-
nammen sa\'n boarre.
Tryn: (foars.)
Astou net mear lést haste fen myn boarre, as ik
fen dyn smoar\'ge greate hoanne en dyn houn, dan
is \'t net malle slim. (Hja sproet it linnen wer ut:)
Sjoch mij dat \'e ris oan, \'t is ommers süfer in minske-
griis, alhiel to wadde, leesten as fen in baggelman.
Ik stryk mei gauens nei Davit Flut om rottekrüd,
den scil ik dyn hinnetroep nei de iwichheit stjüre,
der kinste difel op sizze! (Griet nimt de koer wer op.)
Janke: (mei in hoapen drokte.)
Den kinne hja mei de ald boarre to hoaf___iens
rüsje! (Hja slacht de hannen yn \'n oar en laket:)
Ha, ha, ha! hwet is \'t in bidoelinge.
-ocr page 26-
26
Griet: (mei de fést omhégens:)
Dat scil dy sür opbrekke, aste mij dat lapste; tink
er om, er is noch rjucht yn \'t lan to krijen.
Jan k e:
Nou, ik moat ek mar plan-ut sizze, it is ek in
benauwd spul, min kin neat gnaps op \'e bliik hawwe ,
\'t is dochs iwich en altiid to-flein en to-wadde.
Griet:
(Hja i-et de koer we>- del en seit tsjin Janke:)
Hwet praetstou fen gnap goed op \'e bliik; dy kear
moat noch komme, datstou gnap goed op \'e bliik
haste; dou hoefste oer myn pykjes sa\'n snappert net
op to skürren. Hwet lijen, hawwe wij, deiyn — dei
ut, net mei dyn jonge; dat ropt en skürt mar altiid
yn \'e bliik om; lésten dolde er mei in great knyft
yn myn bliik, om fen dy hynsteblomsblêdden eftik-
sels for de knyn, en fen \'e maitiid ropte \'r mij wram-
pel de blèdden fen de swarte beibeam. Is mij dat
in oarder?
En ho dochste sels, Janke 1 Aste in koem mei
smoarg wetter of oars hwet haste, dat wei moat, den
is \'t mar: (mei in swaei) klets! oer \'e bliik. It is
ommers in greate skande, hostou it gêrs besmoar-
keste. As in oar fatsoenlik syn bringst yn \'e goate
smyt, dan is \'t dizze jiffrou to folie gemael (wer mei
in swang:) dan is \'t mar : roeftdy ! oer \'e bliik. Der
binne plakken bij, der net in sprütsje mear waechsje
wol; lit Tryn ris sprekke, as \'t net wier is.
T r y n : (tsjin Janke:)
Dat is sa \'t Griet seit. Dou smytste mar yn ienen
to folie ünhürigens oer \'e bliik, en dat gedoch mei
dy k\'nyn haw ik ek al lang myn nocht óf. Jimme
-ocr page 27-
27
"Wiger is yn \'e groun bedoarn ; hij stiet for God
noch syn gebod, alle kattekwea hat er bij der ein.
Ik hie in pear daelje-bollen fen domenij \'s jiffrou
krige, dy treau ik yn \'e groun, en wrachtsjes, hel-
let dij glüppert \'s er mij net wer üt? Scoe \'t fêstek
wer nei de k\'nyn, mar ik trappearre him krekt.
Janke:
En as ik dy smoarge boarre wer yn myn hoekjen
pyterseelje omklauwen sjoch, den slaen ik him oan
moster; min scoe er ommers fen besouwe.
......Lesten loek ik de kjitten der hwet twisken
üt, en der taest ik mij yn (hja beart ófgryslik:) hu!!
brrr!!! hwet in fize boel.......boe !!!
Griet:
Nou, ik moat mar gnap wei sizze: der hat Janke
great gelyk oan ; mei it turfmot bij mines yn it efter-
hus is \'t mennich kear krekt sa\'n smoarge boel....
Katten ?! Nou, sjea der, ik woe se n\'t hawwe, né,
as koe sa\'n dier ek sa moai preekje as de fine domenij.
(Hja laket.) Ha, ha, ha! foi!
Tryn:
Dou hoefste fen üs domenij net óf to jaen!
Griet:
Dat siz ik mei dij , Tryn, hwent den bljüwt er
neat fen oer.
Tryn:
Hij stiet folie better op \'e wierheid as jimme nij-
moarderige draeiskammel.
Ik moat mar ris wer lést hawwe fen dyn ün-
doagenske »fike" en dy hinneboel.... En dy greate
koksiaenske hoanne scil ik it betelle sette, ik haw
de divel fen binnen. (Hja hdldt it linnen ütspraet)
-ocr page 28-
28
Sjoch mij dat er ris oan, moat yens goed op \'e bliik
net feilich wêze ? It is dan wol benaud ! Lit dyn
loaije sljonkert fen in manskearel jimme hok den
belter meitsje, dat jimme det reau yn it fatsoenlijke
opslüte kinne.
Janke:
Nou ja, dat nat Ate skoan oan tiid; san hok as
gjin , dat is süfer it selde ; bja rinne mar hwer \'t hja
wolle.
Griet (tsjin Janke) :
Dat hok wier to \'n earsten yn oarder sa it hearde,
mar dat komt fen dyn ündoagenske rakkert fen in
jonge, dy hat er losten hoppen op west to klauwen
om in prottersnêst ünder de pannen wei to heljen.
Tryn hat it mei hjar eigen eagen sjoen, dat Wyger
er op om skrepte, is \'t wier of net, Tryn ?
Tryn:
Dat wit ik sa lyk net mear, of ik dat sjoen haw
of net; min flapt er faeks wol ris hwet ut, mar... e
Griet:
Hark ris Tryn, dou moast er nou net foar wei
wine ; sein hast it! Ast\' it liichste, as net, dat rek-
ket mij gjin bean; it scoe de earste kear siker net
wêze, datste mei in moai praetsje oankaemste , om
hwet goed op üs bliik, mar blik dou op dyn eigen
gêrskes, den hoefste fen oarmans genade net óf to
hingjen.
Tryn:
Ik bin dyn genade ek net brek; as elk op syn
eigen gerjuchtichheit bljüwt komt er neat gjin spul,
dan hoeft min gjin lést ünder bürljue.
Janke: (hwet frjeunliker:)
\'t Is eigentlik benauwd, dat it altiid sa mei lijjen
moat; benauwd is \'t! (Tsjin Griet.) Aste dyn hin-
-ocr page 29-
29
nen en dyn houn fêst haldste, fanke ! den wier er
neat to dwaen; hja lizze der krekt like goed om, as
hja it mar wend binne. Och hearink, üs Jan en
hjar halde de hinnen sa\'n roun jier fêst, en it reint
hast aeien, hwet meitsje dy hwet ut hjar hinnen;
nou, nou!
T r y n :
It is lyk as Janke seit; min kin wol buten lést,
en dy pykjes, ei, dy binne sa slim net, mar dy
greate hoanne, dat is sa\'n beroerdeling, dy stiet der
mar to koekeloeren, (hja docht lyk as in hoanne ,
tige rêd:) tük , tuk , tuk ! Hark ris, as ik dy wier ,
fanke, ik scoe dy greate strampelder it fjür mar ris
rüke litte, dat ünding docht dochs ek oars neat as
fretten en de boel forniele. As elk in kromke op
syn tellen past, den hawwe wij elk in gnap en him-
mel bliikje.
Griet:
Ik haw mij altiten wol skikke wollen, dat kin
nimmen oars sizze, sa wiis bistou ek wol , Tryn;
wij hawwe \'n oar sa lang al kinnen, al fen bern óf
oan; üs folk wieren altyd malle sib. Myn pykjes
scille fêst, en de hoanne scil oer \'t fjür (tsjin Tryn)
mar dan moast stou mij ünthjitte, dat dy ald boarre
in ure oan ien ünder\'wetter halden wirde scil. It
rottekriid fen Davit Flut kinste dy man wol halde
litte.
Janke:
Ja, sok ding komt ek net ut, mar sjoch, der fait
wol er ris hwet üt, dat oars net sa kwea miend
wirdt; ik moat mar roun üt sizze der binne in bulte
minder as Tryn.
Tryn:
Der hoeft gjin ien lést mei mij, dat witte jimme
-ocr page 30-
30
alle beide wol. Myn ald boarre scil oan kant; fen
\'t mtisjen komt doch neat mear, en ik moat mei
Griet sizze, it is in greate snoeper, dat is sa.
Griet (tsjin Janke):
Dat is de baes, den kin stou ek mar sa sünder
dy to barnen pytterseelje wjudde.
Janke: (Hja slacht de hannen op \'e
knibbels en laket):
En dou hoefste net fij to wezen fen dyn turimot,
fanke.
Griet (tsjin Janke):
Hwet is \'t raer hè, mar hertjse, ho komt it mei dyn
ondoagenske jonge en dy k\'nyn?
Janke (fleurich):
Dy k\'nyn scil in trewinkel efter \'e earen hawwe,
mar us Wyger kin ik net to fjur bringe, of in üre
under wetter halde, dat giet net best, n\'t wier ?
T r y n (pp \'t skik) :
Ei né, ju, mar dou moast him hwet to bek sette;
ik ried it dy ta \'n besten; letter scille jimme der
tankber for wêze, it is faeks de jonge syn gelok ...
Och, jimme Wyger sit oars gjin kwea aerd yn,
dat haw ik altiten sein, ondoagensk binne alle jonges
al... Och heden, ik wit it noch skorin , do \'t üs
Lammert sa\'n jonge wier, hwet wier dat in boppenste
gut; siker! sa wieren se net folie, en nou is er suver
sa goed as sftpenbrij___Sa binne wij allegearre fen
aerd ; tige goedlik , sjoch !
Griet:
Ei nou, as dy jonge dy k\'nyn graech halde wol,
en hij haldt him fêst en reaget net yn üs bliik om,
hwet scoe \'t den 1 Och, sa\'n bern moat ek hwet
wille hawwe, hwet sei stou Nynke? Jongens wolle
hwet bij der ein hawwe.
-ocr page 31-
31
Tryn:
Lit dy stumper dy k\'nyn halde; hja binne mar
ienris jong, dat hawwe wij alle trije ek al ünderfoun.
Dy hearlike tiid komt mar ienris en net wer, is \'t
sa net?
Jank e:
O, fanke, der tink ik sa faekris om. \'t Is eigent-
lik sa begroatlik, dat de minsken sa folie ünienigens
hawwe; it libben is mar in slach om \'e earen, in
omsjoch; yn in feech is min en ein foart, \'t giet
as \'t slydjaget, haw \'k wol ris sein. Min moat skikke
en troaije kinne\' yn de wrald......... Mij tochte,
Griet hjar koksiaenske hoanne moast mar stil yn \'t
libben bljüwe; hwet seistou Tryn ?
Tryn:
To den mar, as hja dy greate olfert, mar fêst haldt
as üs linnen op \'e bliik leit; it is oars gjin ünae-
rige hoanne; en lit dan de pykjes ek mar los, hja
meije abslüt net oer fêstsitten ; dan binne ze opslach
fen \'e leg, en dan kin it best beslaen datste yn wi-
ken net in inkel aei sjochste; it giet det fé ek al;
lyk as üs, frij moat min wêze.
Griet:
Frijjens is hwet wirdich, bern! Ik bin ek sa fen
bistek, in oar wol ik graech behannelje lyk as ik sels
behannele wirde wol, en ik bin lang net bang for
in sinterklaes. (Tsjin Tryn :) Lit dou dyn ald boarre
mar stil boarre bljüwe, sa\'n bist wol ek graech libje
is \'t sa net? Ate moat de hinne-matte dan mar in
kromke bespikerje, en it linnen, wol nou, dat moat
mar hwet skikt wirde, as we elkmes in stürmennich
jowwe, den kin Ate der wol sa\'n ftich stekje yn
meitsje, dat de bliik sa likernoch yn trijen parte
wirdt. Scoe dat de slach fen de fjürpyl net wêze?
-ocr page 32-
32
J a n k e: (nimt hjar goed op :)
Dat wirdt in hiele drokte for Ate, hij hat oars
syn wirk ek al; mij tochte sa, wij flappe de boel er
mar op, lyk as oan \'t nou ta, en as leit er al ris
in tippe oer \'e streek, dan is \'t ek mar in tataest
om et ef kes to forlizzen, is \'t nou wier of net 1
T r y n: (hja lukt oan de skoalders:)
Hu! ik bin neat mear as waerm .... nou, as
jimme moarn to middei ris togjerre bij mines kaemen
om in pantsje fol thé, ho scoe dat stean ?
Griet:
Dat kin om mij wol, fanke; hwet seistou Janke ?
J anke:
Ik scoe oars \'t efterhüs himmelje, marderkomme
wol mear dagen, scoe min hoapje, dat kin üader
bürljue net best oars , nou?
(Griet en Janke de iene en Tryn de oare kant ét,
Yn il dfgean:)
Tryn: (tsjin de oaren :)
Nou, dalik nei twa\'en mar komme.
Tryn: (tsjin de harkers:)
Nou, hark hwet ik sizze scoe, is der faeks ek ien
fen jimme, dy gnap jild biede doar for in alde
siperske boarre, in echte brabanske k\'nyn, en in
oerhearrich greate koksiaenske hoanne ?
(As nimmen hwet seit:)
Dan scille wij er sels wol mei oanpiele !
(As immen jild biedt:)
Dou biste keapman heite, en dan is \'t moarn to
middei klokslag toalien léferansje, bij___
(Dy-jinge dei\' it fortoand wirdt.)
:
Jfaï