-ocr page 1-
1
-M
\'ffa GtöSZ.
\'*<&&
*^N
y£\\^Jt±
\'
Z7~
/xx\\xxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxx
I II M J ! M I ! II I I I II M I J I I II II I I II I !
xx xx xx xx xx xx xx xx xx xx xx xx xx xx xx xx xx
#
#
< :>
«z>
<z>
o
ö
O
O
Q
K
c
^
of
<=>
<z>
<
.9
7fk
<s^r
<z>
<z>
«z>
<z>
o
=>l
:>
. \'i
:z>
>
>
>
>
T
o
-\'.,\'
o
ö
\\
(
-\' >—!
o
<z>
o
o
o
<z>
<-}
<z>
o
<:;>
o
c>
TROCII
de Skriuwer fen
Zie Wiersizzer fen Nergemhilsen cu
Sabeare Dronken.
-s
• ^
t\'A—-
.
:
V
o
<z>
o
ïo Fkjentsjer
T. TELEN GA.
<?
<&
f0
liY
,\\.\'lf\\,\\ *- V\\(WW
/X XX X\\
1 i L I J t
XX XX XX XX- XXXXXXXXXX.XXXXXXXXXX
II II I I 11 I I ! II. II I 11 I I 11 I II I i i
#
#
jp5p5f
L^l.\'A\'v,VW\'\\^. ■
ï—6
^ .
-ocr page 2-
... - . ■■ ; y *■»■- .
•■ ■
-ocr page 3-
/éo,£J5l
KLUCHT YN IEN UTKOMSTE,
TROCH
/
de Skriuwer fen Be Wiersizzer fen Nergenshiisen
en Sabeare Dronken.
-ocr page 4-
I»lï:KSOA.IVJBrV :
Eomke Zeilinga, sékaptein.
Wopke, syn boatsman.
Doüwe Zeilinga, syn broer.
Tietsje, dochter fen Douire.
Leffert Pomper, Eintenier.
Mient, syn soan.
Jan, j
Piet, ) séljue.
Klaas, ]
Krien, in biddeler.
In fjild wachter.
-ocr page 5-
OMKE JILD.
KLUCHT YN IEN UTKOMSTE.
--------jt~,r^>-S-«—-------
It toaniel is in bosk mei in bank.
Romke. (Hy en Wopke, beiden klaeid
as séljve, stean bij de bank
en Eomke het in knoestige
stok yn \'« hun en slacht
dermei op \'e bank.)
Lit üs lvjir üs anker mar ris ütsmite, Wopke! It is
hjir wezenlik in stom moay plak. Ik siz, hwot ik siz,
mar dy bank ropt üs wezenlik ta: Fal op my del en
gean sittcn. (Hja gean sitten.)
Wopke.
Ja, kaptein ! it liket my ek ta in moay goede ankerpleats
to wezen.
Romke. (Hij witst mei de stok.)
Sjochst dat doarp der foar üs, Wopke ?
Wopke.
Ik bin net blyn, kaptein !
IlOMKE.
Nó, dyn gesicht is wezenlik better as mines. Mar hwet
tinkt er dy fen? Ho liket it dy wezelik ta?
Wopke.
Net ongeschikt om er fcirsk wotter yn to nimmen.
-ocr page 6-
4
liOMKE.
My tinkt it is wezenlik in inoay oardc om er üs havery
yn oarder to bringen. (Hy sjocht tige jernstig; fen siden.)
Ik siz hwet ik siz, mar sauntsien jier is in hiele ruk yn
in minskelibben. (Oerliïd.) Yn dat doarp, \'Wopke . . .!
Wopke.
Weinjo gnappe ljuc. Hweut. sje dor. Dor konuno al in
pear oan en as se allegearrc sa binne, dan kinne lija wol
munsterje.
Romke. (Hij skrillet.)
Kom, Wopke! Gauw eftcr dy beammen. Hja matte üs
bjir wezenlik net sjen. Litte wy se mar stil lij Ir f\'oarby
pesjantelc.
Wopke.
Den mar yn de Bocht f\'en Gum\', oars forrifelje we üs
sela. (Hja gean twisken de beamkes.)
Douwe. (TIi/ giet mei Tiet op \'e
bank sitten.)
Lit üs lijir in amorij ütreste, Tiet! ik bin in bytsje
wirch feil dat omdangeljen. Ik wird alder, ik fiel it oan
alles. (Fen uiden.) Dor komt ek net yn, hwet er
yn lieart.
Tiet.
My bost, heit! Ik fyn dit altyd sa\'n moay plak om er
hwet lit to resten en to mimerjen oer \'t forlieno en de
takoinst. Ik woo \'t wy jild bieden, beit! den moast heit
bjir in bus bouwe en den mast it Skoanoard biette.
Douwe.
Dou kinst it wol moay ütstelle, mar jild, dat witst wol,
bawwe wy net. Wy binne earm. En dat witst ek wol,
(hi/ sticht), net troeh ogen skild, mar trocb tadwaen fen
in gemieno skoft, mar dy scil er ek wol kommo.
Tiet.
Hark ! hwet wier dat ?
-ocr page 7-
5
Douwe.
De wyn ju, dy \'t yu \'e beammen siizet.
■ \'                  Tikt.
Ik miende, dat ik immen Hokken hearde.
Doi\'WE.
Ne, famke! lnva scoenen lij ir oars wêze as do fugeltjos
en dy flokke dochs fest net P
Tiet.
Ik miende \'t, heit! Ik ha my ek forbield, dat ik praten
hearde.
Douwe.
Men seoc dor oars al ta konmio kinno om to Hokken,
as yen alles en alles it hiele libbon lang tsjintribelt, lyk
as my. Dyn mem, Tiet! is forstoarn, do\'st vet mar twa
jier iild wierste. Dyn omke, myn ienichste broer Romke,
is nou al jierren foart west. Hy scil wol nea wêrom
komine, sont hy foar sauntsien jier to Harns it ségat ut
gien is. Dyn mem, dat wol ik dy vet sizze, wier in wees.
Famylje liie hja net folie, dy er vet al fen libje, wolle üs
net oansjen, nei dat se hjar foar hwa wit hofolle bistel-
len ha.
Tikt.
O, heit!
Douwe.
Ja, famke! Al myn oferige jild en goed hab ik onge-
lokkich forlern. Ik hab neat oerhalden as dy. Dou bist
myn ieniehst bern, myn ienichste oanhilld en myn ienichste
skat. In neef fen dyn mem wennet in pear luizen fen
üs of, hy is ryk sa \'t de ljue sizze. Hy wennet to minste
yn in treflik hüs, mar hy het in soan, in oannomde soan
egenlik, dy \'t de boel er trochbringc en de iilde, — mar ik
wol gjin kwea fen hiin sizze, dat meye wy net dwaen en
dat witst ek wol. Ik woe lykwols net yn mynhearPoinper
syn skoen stean, foar noch safolle net.
-ocr page 8-
(!
Tikt.
Heit het in gerost gewisse.
Douwe.
Ja, bern ! en as ik dy oansjoch, ho\'st op dyn mem likest,
né den ken ik net flokke.
Tikt.
Né, heit, dat mat heit ok net dwaen. Wy kinne noeh
sa hwet troch de tiid komme, al is \'t by \'t waltsje lans.
Mar hark, der wier \'t wer, ik ha \'t klear heard, \'t wier in
tige grouw lüd.
Douwe.
Ei, ju! hwa seoe dêr wêze. Dou mast sa gauw net
bang wirde, dat witst ek wol, mar jimme mom wier ek
sa, hja skrille al, as hja mar hwet lüd praten hearde.
Tiet.
Nou, ik wol hjir graeeh wei, heit!
Douwe.
Nou den gean we mar wer f\'jirder, ik wol dyn sin altyd
wol dwaen, dat witst ek wol.
Tiet.
Kom den, heit! {Hja gean.)
Douwe.
Ja, ja, ik kin sa gauw not mear as do \'t ik sa ald wier
as\'t dou nou biste. Dou witst wol, de alderdom komt mei
gebreken, ja, dat witst wol.
Komke. (Hij en Wopke gean wer op \'e bank sitten.)
Ik lit my fordomd kielhelje, as ik hjir wêr ankerje.
Kom, Wopke! it farwetter is frij, lichtsje de ankers, wy
gean \'t romme sop wer ut.
Wopke.
All right; kaptein! sa \'t do readrokken sizze. De kap-
tein het gehk, oars forrifolje wo lis sels.
Komke.
Ilast heard, Woj)ke! hwet hjir forspritsen is ?
-ocr page 9-
7
WOPKK.
Ik bin net blyn, kaptein! mar ek net doaf, en myn
caren sitte op \'t rjuchte plak en dat wit jo ek wol, sa as
dy ald man seit.
Homkk.
Nou, hu het it dy den wezenlik oanstean, hwet dy ljuo
tsjin elkoar seinen ?
"VVOPKE.
Min, fordealde min. Lit ris mar gauw wêr onder seil
gean, kaptein ! Op sé is \'t folie better as op \'t lan, mar
ik hab meilijen mei sokke stumpers. Hark ris, kaptein!
jou kinne \'t sangkje wol fon in ald matroos: It séinans-
libben P
ItOMKK.
Ja, helje mar ris op. Ik bin er wezenlik biroerd fen
wirden. To mar, alde jonge! ik siz hwet ik siz, hclje op.
Ik scoe dy wezenlik wol graech hwet mei helpe, mar it
kin mei ray yet net lije. Mar dou kinst it allinnc wol ou.
Helje op.
Wopke. (Hij sjontjt.)
"VVize : Toen onze mop een mopje was.
It sémanslibbcn giet er mei,
Gjin better op \'e wrïild,
Hwer oaren ek op romje,
It lit myn herte kald.
Hojo, hojo, hojo, bojo,
It lit myn herte kald,
Hwer oaren ek op romje,
It lit myn herte kald.
Allinnc op \'t wyde, romme sop
Der is in séinan thris,
Op \'t lan kin hy net aerdsje,
-ocr page 10-
8
Hwet hot er der ia krüs.
Hojo, hojo, hojo, hojo,
Hwet het er der in krüs,
Op \'t lan kin hy net aerdsje,
Hwet het er der in kriis.
As hy de stoarmwyn byljen heart,
Den giet it him nei \'t sin,
Den fljucht syn lierte iepen,
Pen stiltme eangt er fen.
Hojo, liojo, hojo, hojo,
Pen stiltme eangt er fen,
Den fljucht syn hcrte iepen,
Fen stiltme eangt er fen.
Op \'t liljend, britsend, wyte skom,
Het hy syn wille en tier,
Deryn fynt hy bihagen,
Deryn syn greatst plosier.
Hojo, hojo, hojo, hojo,
Deryn fynt hy plesior,
Deryn fynt hy bihagen,
Syn allcrgreatst plesier.
Romke.
Moay sa, wezenlik moay, myn beste Wopke ! Mar der
komt foar dy hwer frij hwet to skiemanjen, net in bytsje
en \'t is allegearre }n \'e wyn.
Wopke.
All right, kaptein! Ta jo oarders, sa \'t de dief tsjin de
boal sei, do \'t hy hingje mast. Siz mar op, hwa \'t ik nou
wer interje mat, mar pas op, dat we üs sels net forrifelje.
Romke.
Kom den mar ef kes mei my nei de doarpsherberge, myn
-ocr page 11-
9
kiel mat nedich hwet trochspield wirde mei in gleske bier.
ITnderweis scil ik it dy wol litlizze en den mast dou dat
fartueh er is moay ynlizze, hwont ik wit as\'t don it roer
yn \'e kannen hest, den kin niinmen dy bisilje.
WOPKE.
Dankjc f\'oar \'t komplemint, kaptein! Mar helje de
skoatcn nou net fester oan, liwent den bin ik ban?, dat
we al ridlik gauw op \'t stran sitte, tink er om, men mat
yen sels net forrifolje.
ROMKE.
Dat fait hwet mei, mar der komine al wer twa passe-
siers oan, dy masten wy ek vet ris bearre, men kin
wezenlik noait witte, bwer \'t goed foar is. Ik siz hwet
ik siz. It roer om, "Wopke ! It liket niy ta, dat dy beiden
in frjemde lading ynhawwe.
Wopke.
All right. (Hja gean wer twisken de beamkes.)
(Pomper en syn oannomde soan Mient gean
op
\'e bank sitten.)
Pomper.
Dat kin sa langer net mei dy, Mient! it kin gjin touwen
halde. Ik bin sa goed as earm en dat troch dyn skild.
It roait kant noch wal, dou bringst de boel er mar troch,
dou mast dy skamje.
Mient.
San ien kin ik ek yet.
Pomper.
Mienst my ?
Mient.
Ik siz net, dat it net sa is.
Pomper.
Dou bist in bretaole knaep, mar mei gauwens scist
it wol ünderfine, den kinst de biddelsek op \'e rêch
nimme.
-ocr page 12-
10
MlENT.
Dat scil niy wol acrdich stean.
Pomper.
Jongkjo, jongkje, dat kin sa net. Dou host ooral de
gek mei.
Mi ent.
Hwa scoe dat ek net ?
Pomper.
Ik net. Altyd eard en achte to wêzon en dan to biddeljen!
MlENT.
Ei, nou, biddelers mat er ek wêzo.
Pomper.
Ik siz dy yetris, liab de gek er net mei, jonge! It scoe
dy sur opbrekke, dat kin \'k dy sizze.
MlENT.
Het lieit er sims ünderfining fen ?
Pomper.
Der wol ik dy gjiu andert op jaen. Dou stiest ek ner-
gens foar.
Mienï.
Né, dat forsiz ik. De tyd ten kleven komt oardernóch.
En foar dat it safier is, seil Mient wol meitsje, dat er in
wiif het mei modder oan \'e kloet.
Pomper.
Dou seist mar hwet. Den mat er san ien al tsjin dy
oanrinne, hwent fine dochst lijar net en lijar freeclijo doarst
yet folie minder. Dou kinst neat as frette, süpe en
keartspylje.
Mient.
Oars hab je my net leard. En \'t is in góo soan, dy \'t
syn heit liket. Mar ik hab gcnóch fen dat gesanger. Ik
gean der op ou, ik kin \'t botter krije. (Hij giet.)
Pomper.
Och, och, hwet hab ik in lijen. hwet in fortriet fen dy
-ocr page 13-
11
ondogenske jonge. Mar as \'t nypt en wer nypt, den scil
ik him sizze, dat hy myn soan net is on dat hy mar in
oannomd bern is. It is skande ho hy tsjin my doart op
to stean en tsjin my to sprekken. As er mar net wist ho
onearlik ik oan it jild fen Zeilinga syn wiif komd bin,
den hie \'k him al lang foartjage, mar nou mat ik my wol
stilhalde en mar dildsje, dildsjc, dildsjo. As er nou yet
mar net wiis wirdt, dat ik dy wikscl forfalske hab, hvvent
den wier myn üngelok net oor to sjen. O, o, hwet leit
it my swier op \'e lea. \'t Ts of\' do gcrjuchtstsjinners my
al efter de boksen sitte. Hwet liy opswetst fen in wiif
mei modder oan de kloet, binne neat as kletspraetsjes.
Sokko lizze der sa mar net op \'e strietto. O, o, hwet de
takomst ris jaen scil. Neat as skaudo. O, Left\'ert! hwet
bist dou dochs in üngelokkich minske! (Hy giet.)
Romke. (Hy komt mei Wopke op.)
Nou witst er fest ek wezcnlik alles fen, Wopke ? Ik
siz hwet ik siz, mar nou hest it sols den ris heard. Dou
hoefst him net mear nei syn pompieren to freegjen.
Wopke.
Wy seille dy ondogenske swabberkaptein yn \'e groun
boarje. Hy fortsjinnet net botter en Wopke wol der ek
hwet wille fen hawwe, mar wy matte oppasse, dat wo lis
sels net forrifelje.
Romke.
Dou sprekst wozenlik myn rjuehto miening ut, wy
matte mei him boartsjc as de kat mei de mus, hy hot it
dübeld en dwers fortsjinne. O, ast alles is wiste, Wopke!
Mar allinno kinst it net dwacn, al ho gnap ast biste,
Wopke! Der scil help komme matte.
Wopke.
All right, kaptein ! Wopke wit, hwet jongens der oan
board binne. {Hy tv Hst nei Hams.) It binne allegoarre
jongens van Jan de Wit. (Hy sjongt.)
-ocr page 14-
12
"VVize : Ferme jongens, stoere knapen.
Jongens binn \'t mei warbrc bannen,
\'k Wit ik kin er fest op oan,
Hja stean graech my by as mannen,
Wee liim, dy it het bidoarn.
Hja binn\' tluis op eltsc ré, )
Sokkc jongens feu de sé. | twa kmr-
\'k Seil \'t mei hjarrcn hiel wol klearje,
Ja, kaptein! der kin je op oan,
As \'k mei sokken eksorsearje,
Giet de tsjinparty er oan.
Hingen roppe hja hosé,             j
c , , .             ,. , / twa kenr.
hokke jongens ten uo se. )
ROMKE.
Non, Wopke! ik lit it gefal oan dy oer. Oan board
wierst wezenlik myn oare hau en non mast it ek wêze
om dit fartiich yn \'e bihalden hafen to loodsjen. Ik gean
er nou fen troch, ik mat dat lieavo famko ris onder fjouer
eagen sprekke. Ik siz hwet ik siz en dat wol ik ek sizzo,
\'t is in prachtstik fen in séskip, jong, lioaf, mütel en
wezenlik oannimmclik. (Jlij cjiet.)
WOPKB.
De alde het gelyk, \'t is in lieaf 1\'ainke, in ingeltsje.
Hja fortsjinnet mei hjar alde heit better dagen to bilibjen.
En dat is, sa wier as Wopke libbet, nou oansteande.
Derfor hawwe wy lis anker hjir ütsmiten en derfor het
de alde my op sleeptouw nomd om him bihulpsaem to
wezen en dizze saok ta in goed ein to bringen. Nou,
Wopke forstiet de stjurmanskinst. II y is al sa lang droech
cfter de earen west. Mar hawar, it scil oangean. Alle
hens op \'t dek en oppasse, dat we ris sels net forrifelje.
[Tige lud.) Holla hoy, holla ho\\ ! (Trije séljne springe
op it toaniel.)
-ocr page 15-
13
Alle t r ij e.
Present, boatsman ! {Hja sjonge.)
Wize : Waar is Keesje.
Jongens, dy \'t op sé forkoare,
Hawwe jimmeroan wol moed,
Der se op \'t wydo wetter learc
Klear to wezen, from en froed.
Hirde wyn
Haldt hwet yn.
Op do wylde wetterweagen
En by swiere tliouevfleagon
Stcan lija moedich op hjar plak,
Op in brik, in tsjnlk of smak.
Wopke.
En nou foaral op jimme ieponst, hwcnt de kaptein het
jimme help hjir oan lan nedich. Der fait hjoed in lanrot
it boegsearjen to learen.
Alle t r ij e.
Hy seil \'t learc. Libje de Kaptein!
Wopke.
All right. Mar der komt er sels al wer oan mei dat
famko ut tüsenen, mei dy lieaflike blom ut \'e Eryskc
greiden. (Hja sjogge twisken de beammen tit.)
Jan.
Dat likot in y ek sa ta. In lieaf bekje, \'k liie der neat
op tsjin om dy in lytsen to jaen.
Piet.
Seoe üs alde kaptein dy foar liim sels foar goede biit
forkloarre ha P
Klaas.
Den koe er wol minder ütsocht hawwo. Ilwet sjoeht
hja blier, do diveker, Klaas! as \'t san ien ris krije koeste,
hwet scoe \'t er mei dyn mem bystean.
-ocr page 16-
14
Jan.
Ja, jonge! in alde geit mei ek noch wol ris in grien
takje.
Wopke.
Der ha jimmo net oer to kedisen. My tinkt it koe syn
dochter wol wêze.
Jan.
De boatsman het gelyk, it lik.et hjar heit wol.
Piet.
It seldo antlit, hja liket him sprekkend.
Klaas.
Dat kin lis net kalefaterje, dit is foar zijn briefje, sa \'t
üs kommedant wend wier to sizzen as hy de bokkeprük
op hie en ien fen lis maten do krygsartikolen oertre-
den hie.
"Wopke.
Hald dyn waffel. Myn krygsartikels binne nou: De
plaet poetse. Ha jimme \'t forstean, wy matte lis hjir not
forrifelje, Ingrepen ?
Alle t r ij e.
Ja wol, boatsman!
Wopke.
Foart den. En nou lyk as op \'t wachtschip. Ien, twa,
ien, twa. (Hja gean yn de pas on.)
Romke. (Hy komt mei Tiet op.)
Nó, famke! dyn heit mat it wczcnlik nou dalik net
witte, hy hot non al sauntsien jier buten syn broer west,
it komt nou op in poar menüten ek net oan.
Tikt.
Der het omke gelyk oan, raar o, hwot scil er blyd wêze,
as er omke wer sjucht. Hy tinkt net oars as dat omke
al lange jiovrcn wei is en nou komt it sa ilt. Ik kin \'t
my bast net bigripo. Mar wêroiu is omke sa lang wei-
bljeaun en wcrom bet omke noait skreaun P
-ocr page 17-
15
ROMKE.
Dat seil ik dy sizze. Ik woe wezenlik earst jildgenöch
ha en ek net wêrom komme, foardat myn herte genezen
wier. Hark ris, Tiet! dyn omke is ek ienris jong west,
wezenlik jong west, ik siz, Invet ik siz, wezenlik jong.
Ik liïo myn sinnen set oj) in joiig faera, net minder moai
ast don non biste.
Tiet. (Hja kriget. in kleur.)
Mar, omke!
ROMKE.
Ik siz Invet ik siz. Krij don margjin kleur. Do wezen-
like wierheit ist. Dy faem haldo ek in bul te fen my.
Mar lijar illdeu hawwe hjar twongen om mei in oar yn
\'t houliksboatsje to stappen. Dat liet bjar de dead dien.
Hja het nou al jiorren dea west. Bern het se net krige.
Hjar kearel, ik siz hwet ik siz, liet hjar wezenlik min
bihannele. ITja is fen fortriet stoarn. In sistorszoan van
him het hy nei hjar dead ta syn bern oannomd. Der het
er sa \'t ik hjoed fornomd hab, ek net folie wille fen,
wezenlik ncat as lest.
Tiet.
Mar, omke!
\'Wat is \'t liea?
ROMKE.
Tiet.
Omke mient doehs net ?
ROMKE.
Mynhear Pompei\'? woest sizze?
Piet.
Ja.
ROMKE.
Dcselde, bern ! Ik siz hwet ik siz. Hy en niunnen oars
het it. my lapt. Nouh kin ik de fusten tsjin him rólje,
mar hja is dea en hy ongelokkieh, ja ongelokkich, wezenlik
-ocr page 18-
lli
ongelokkich, ik siz hwet ik siz. Mar it het my in swiere
striid koste, om to birêsten, dat siz ik dy, Tiet! Ik bin
\'t ségat litgien, ik haw yn de frjemdte, op alle séën
roundswalke, mar ik siz it dy, alde ljeafde roastet net,
né noait, weuzenlik noait.
Piet.
Mar wit Mient wol, dat hy de soau feu mynhear Pomper
net is ?
ROMKE.
Né, dor wit er neat fen. Seoest liiin wol lije meijc,
Tiet ? Wezenlik lije meije ?
Tikt.
O, tij, ljeaver gjin man, as sokke tsien.
ItOMKE.
Dat lit de wet ek net ta, ju! wezenlik net ta.
Tiet.
Ik, ik, ik ... .
ItOMKE.
llald dy mar stil. Dou hoochst omke alles net oan \'e
noas to hingjen. Dou sjoelist wol, ik siz hwet ik siz.
Mar wachtsje my lijir in lytshoartsje. Ik sjoch der immen,
dy \'k wezenlik wol efkes sprekke woc. {Hy giet.)
Tiet. {Hja sjongt.)
"Wize : Van berg tot, berg.
Myn herte klopt sa wüuderlik,
Myn herte is sa bliid,
Ik koe wol dounsje fen plesier,
Nou komt de goede tyd.
Us omke Iiomkc libbet vet,
Wy mienden, hy wier wei,
Dat is foar us in great gelok,
\'t Jowt mannich bliide dei.
-ocr page 19-
17
Hwent derby komt yot, omko is ryk,
Nou partet hy mei üs,
Hwent sa \'t er sein liet, bljuwt er nou
Foartoan foar altyd tlius.
Nou is de tyd fen soarg foarby,
Nou libbet heit wer op,
En ik scil bloeije as yn \'t hof
De frisse rozeknop.
IIomke.
Kom, dat liket goed. Dou sjongst al ris. Dat is wezen-
lik in goed teiken. As ik it ek sa goed koe, dan woe \'k
wol ris mei dy sjonge en dat is yn sauntsicn jier net
bard. Nou koe \'t dan hast ris wer lukke. Ik siz der sa
hwet, mar \'k wol fen niyn herte ek gjin moardküle meitsje.
Der koe nou wezenlik bost san gongspilsdeuntsje oer hinne.
Tiet.
Kom, omke! lit üs hjir nou wer fendinne gean. Der
komt mynhear Pomper oan, \'t is tinkt my better, dat hy
üs hjir net sjocht.
Eohke.
Wezenlik, ljeaver net. (Hja gean.)
Pomper. {Hy giet op \'e bank
sitten. In hearel mei in
kruk is bij him.)
{Fen siden.) Ik mat my sjen to redden as \'t op \'t
slimst komt en it moai waer op rein ütrint. {Oerlud.)
Dou mast witte, Krion! it is dizze wike myn forjierdei
en den woe ik ris in grapke ha mei myn hüsgenoaten.
Dorom mat ik dyn jas, dyn broek, dyn aldo klompen, dyn
hoed en dyn floele hawwe. En den mat ik dat sangkje
ek yet ris fen dy heare, datst altyd by de husen lans
sjongste as\'t rinst to biddeljen. Ik scil dy wol in oar
2
-ocr page 20-
IS
pakje klcan jaen. Bring dyn spillen sa dalik mar by my
oan hus, liwcnt ik mat se moskien ridlik gauw briike.
(Hij stiet op en sjocht troch de beammen.)
Kiuex.
Sa \'t mynheai\' forkiest. (fen siden.) Ljue mei jild
hawwe wol ris mear fen dy gekke oanslagen. Mar dat
matte hja witte, as Krien er mar liwot oan fortsinje kin.
Hwet kin \'t my skolc as hja foar gek spylje wollo.
Pomper.
Bigjin nou to spyljon en to sjongen, ik haw net folie
tyd mear.
Krien. (Hij spijlet en sjongt.)
Wize : Kolyn, een brave boerezoon.
Ik bin in minsko, earni en aki,
Ik mat mar sjen om liwet to krijen,
In oar syn ginst is myn bilntld,
Oars is it ncat mei my as lijen.
Ik kin it swiere wirk net dwaen,
En derom kin ik ncat bigjinne,
Och, ljeave minskcn! wol my jaen,
Och, stjür my stumper dochs net hinne. (Uva keur.)
Pomper.
Moai sa. Gean nou mar nei myn hus. Ik kom sa dalik
by dy. Dou mast fen efteren mar yngean. (fen siden.)
Do ljue hawwe oars san niget.
Krien. (Hij strompelt ou.)
Best, mynhear!
Pomper.
It is wol hwet raer, mar \'t kin it léste redmiddel wirde,
as \'t mei dy falske wiksel donderjen wirdt.
"VVopke. (Hij het sichtber stean to harkjen.)
(Fen siden.)
All right. Nou is it leau ik tyd om de
-ocr page 21-
1!)
harpoen dt to smiton, mar pas op, Wopke! do mast dy
hjir sels nou net forrifelje. (Oerlucl.) Goên dei, mynhear!
"Wit jou der yn dat doarp ek in Douwe Zeilinga
weinjen ?
Pomper.
Ja, hwet wost dou der mei ?
Wopke.
Is dat in earmo of in ryke man ?
POMPER.
(Fen sklen.) Nou, lyk as ik. (Ocrlüd.) Hwet rekket
dy dat ? Dor hest dou dochs gjin bilang by.
Wopke.
Jou matte sa stikelich net wêze, mynhear!
Pomper.
Dat seil ik witte. Ik lit my hjir fen dy de wet net
stelle, hoy, hoy hwet.
Wopke.
All right. Sa \'t de boer sci, do \'t hy moster oer de
prommen en bolle hawwe woe en süker oer de groue-erte.
Pomper.
Hwet dy domme boer sei en die kin my nin byt skele,
gean dou hjir mar fendinne, frjemde snoeshoanne!
Wopke.
De süzehoenan fen Djokjokarte op it eilan Java, mien
jo ? Né, dy bin ik net, mar ik hab him wol ris sjoen,
hwent jou matte witte, ik bin in séman en hab de hiele
wrald sa hwet trochswalke.
Pomper.
Itin nci de pomp, lompeno fint!
Wopke.
Nou mynhear! dat \'s lomp, mar meiskien ha jo wol
pine yn \'e moêle. {Fen siden.) Of jildpine.
Pomper.
Hwet sceist dou?
-ocr page 22-
20
WOPKE.
Ik scil liim sels wol fine, dy \'k ha mat.
POMPER.
Hwct woest den mei liim ?
Wopke.
Ik woe him in bliide tynge bringe, mynhoar! Sje sa,
non wird je al Invet nofliker. >Syn broer Romke is to
A\'ew-Orleans oan de gele koarts stoarn en hy liet in bulte
jild noilitten, in knoarrc, dat siz ik jou, nei \'t men seit,
wol trijo tountsjes.
Pomper.
Dat seoost dou ck witte!
Wopke.
Nimmen botter as ik. Ik wier syn sibsto frjeun, al siz
ik it sels, hwont ik wier stjürman by bim oan board en
yn syn siekte syn oppasser. Mar nou bet er gjin teste-
mint neilitten en sa komt al syn jild oan syn ienichste
broer, dy \'t lijir ergens yn Frieslan woinjo mat. Ik krij
gjin healtsje der fen. En ik woe der docbs ek wol in
krümke fen habbe.
POMPER.
Dat foi-oarct do saok. Wit er it al, dat syn broer for-
stoarn is en sa folie jild neilitten bet ?
Wopke.
Sje sa, nou bigjint do wyn ut in onre boekc to bliezen,
nou kom ik wer san bytsje yn \'e lijtc. Ei, ja, mynhear
mat mar in bytsje by draaie, den is er smiten mei de
mütso nei. Hark mar is, mynhear! {Hy «jongt.)
Wize : De wereld is in rep en roer.
In minsko sounder \'n bulte jild,
Wirdt bjir op ierde, ja wol dild,
Mar net folie eard en achte, (twa kear.)
Men jowt him bokkens dei oan dei,
-ocr page 23-
21
Sa lang as hy hjir libje mei,
Hy wirdt fcn clts foraclito. (twa kear.)
Mar hot er jild, den is \'t hwet oars,
Den het in oar \'t gauw yn \'e noas,
Dat hy se liet yn \'t pongkje, (twa kear.)
Eltsien biwiist hiin folie oar,
Eltsien is frjeunlik tsjin mynhear,
J[y is oeral it jongkje. (twa kear.)
POMPER.
En dou wost ok graoch hwet yn \'t pongkje hawwc, kin
\'k bigripe, mar hwet luib ik der nou mei üt to stean ?
Ast micnste, dat ik dy der yn helpe kin, den biste oan \'t
forkeardc kantoar.
"WOPKB.
En ik tochte, dat hjir de hcarring to fangen wier en
derom hie \'k myn logger hjir hinne stjurd.
POMPEE.
Dou mei dyn hearrings en mei dyn logger. Wist wol
hwa\'st foar heste ?
Wopke. (Fen siden.)
In keale mynhear. (Oerliïd.) Ik bin leau ik net fier
fen de kust, as ik mien, dat ik de ear hab mei mynhear
Leffert Pomper to sprekken. (Feu siden.) Dou scist Wopke
hjir net forrifclje, heite ! Om de deale net.
Pomper.
Lit de ear der mar buten. Mar siz op, hwet woste fen
my ? Dat woe \'k nou wol ris witte.
Wopke.
All right. Nou hab je de foetten op \'o skipsplanko set,
nou scil je ek wol oan board komme, mynhear! Ha jo
ek net in soan V
Pomper.
Ja, hwet wo jo der mei P
-ocr page 24-
22
WOPKE.
Ik seach him niis ut \'o horberge kommen. Het er al
in wiifP
Pomper.
Hwet dondert dy dat, biroerdo kerel ?
WOPKE.
Ei, jo matte sa net tongerjo en wearljochtsje. Ik micn
it goed mei jou en jou soan. Mien jou, dat ik jou en jou
soan forrifelje scil ?
POMPER.
Nou, hwet woste den ? Dou fregest immen it himd fen
\'t gat.
WOPKE.
Kin jo dat nou noch net bigripe, mynhear ? Jou soan
mat de ienichste dochter fen Douwe Zeilinga ta syn wiif
freegje, foardat hja it wiis wirde, dat onike safollc jild nei-
litten het.
Pomper.
De diveker, nou fetsje ik dy. Dat hest sa dom net
bitocht.
Wopke.
Dat docht my plesier. Ik liald oars folie fen ljue, dy
\'t oan in heal wird genöch hawwe om it oare to rieden.
Pomper.
En hwet mat my dat nou kosje ?
Wopke.
Trije hündert goune, gjint cint mear. Jou sjogge, dat
ik net to folie freegje.
Pomper.
Scist den swije ?
Wopke.
As in dea poep.
Pomper.
Hwenneav to biteljen ?
-ocr page 25-
23
WOPKE.
Op steande foet.
POMPER.
Hawar, der beste it. In bankje fen trije hounderd.
(Fensiden.) Hy mast is witte, dat it falsk is.
WOPKE.
Tank jo, mynhear! jou fortün eu dat fen jou soan is
makke. As \'t nou mar net blykt dat it in okse of in
keal is. (Fensiden, undermles hy it bankje bisjocht.) In
forkearden lyk as dit briefke is it doclis altyd west. Hy
mient my to forrifeljen, mar den mast er Wopke net foar
liawwe.
POMPER.
Nou, heite! de müle ticht. Nimmen mei bjir eat fen
witte. As\'t dy stil haldstc, scist tonoi yet er is san pom-
pierke hawwe.
"Wopke. (Hij laket fyntsjes)
Tige tankbcr, mynhear, foar jou rinskens. Earst hienen
jo der in wjeraksel yn, mar sjoch jo nou wol, dat ik jou
in goede ankergroun oanwiisd hab P As jou soan nou mar
net to keken is, bwent jou bigripe wol, \'t famke is fen
sels yet gjin dame, hja bet ncat leard en bjar menear fen
hjar to üterjen lit wol Invet to winskjen oer, san bytsje
rauw en onbibolpen mat jo tinke.
FOMPElt.
Ja, dat \'s goed, mar myn soan kin hjar net ienris.
Wopke.
O, nammens to better, mynhear!
Pompek.
Hwet wost der mei sizze ? Sprek op. Dou mast my
hjir gjin riedlingen opjaen.
Wopke.
All right. (Fen siden.) Der scil Wopke op passé, men
mat yen sels net forrifclje. (Oerlüd.) Ei, mynhear! den
-ocr page 26-
24
fait it safolle to mear mei, as hy sjocht, dat it in gnap
jongfaem is, al is \'t don ek gjin dame. Mar komoan hja
komt hjir sa dalik wer foarby. En jo witte wol, it izor
mat smoid wirde as \'t hjit is en eltso fisker fisket op syn
tij. Dat mat jou soan ek dwaen. Ha jou \'t bigrepen,
mynhear P
Pomper.
Oars mast ik wol in csel wêze. (Hij giet.)
WoPKE.
En dat bist ek mei dyn falskc briefkos. En dyn oan-
nomde jonge is in koalle, al lio \'t er süpe kin. In steil
wird het er yn \'e herberge as er lieal of trije kwart
dronken is en oars fen de rest gjin nijs. Mar nou oan \'t
wirk, "Wopke! wy matte üs nou net forrifelje. Der hab
je de kaptein al wer. Dy wol tink ik, ris poolshiehte
nimme. Nou, hy kin oer Wopke tofrcden weze.
IiOMKE.
Bist yet yn \'t goede farwetter, Wopke ?
Wopke.
\'t Koe net bettcr, wy gean rjucht i\'it, rjucht oan nei de
feilige kusten en heit en soan op de blyne klippen ta,
wer \'t hjar heal forgean skip op forplettere wirde scil,
alhiel en al forplettere.
Komke.
Ik siz hwet ik siz, Wopke ! mar dou bist wozenlik altyd
de rjuchte man op it rjuchto plak. Dou fynst altyd in
ütwei, en de sé mat yet ontdutsen wirde, hwer ast dou it
paed net fine kinst.
Wopke.
Al rigth, kaptein! Lit dat der nou mar bljuwe. It
kweade mat straft en it goede mat lcanne wirde, sa stiet
myn kompas. Lyk as \'t sangkje seit:
(Hp sjongt.)
-ocr page 27-
25
Wize : Kolijn een brave boerezoon.
Der is in wet foar jong en illd,
Foar ryk en earm, foar feinten, famnien,
It kwea fynt straf\', it goede lean,
En \'t kwea mat altyd ünderdamme.
Wez jimmer braef, wez from en froed,
\'t Mei dy in tydlang fajir net haegje,
Dyn lokstjer skynt tonei wol wer,
En al hwetst dochst, dat seil dy slagje. (2 kear.)
IloMKE.
Dat \'s wezenlik yet in alderwetsk sangkje, Wopke! mar
ik siz hwet ik siz, de ynhald er fen is goed, lyk as de
ynhouten fen myn trijeincster.
Wopke.
\'t Giet er mei, kaptein! Mar nou wer feusiden, der
komt de jongfaem oan, nou gean de poppen oan \'t dounsjen.
Homke.
Hwet praetst dou fen in jongfaem, der binne wol trije.
Woi\'KE.
Nou, den het er kar. (Bja (/eau twisken de beammen.)
Do trij e séIj ue. (Hja binne yn froul-
jues klean, tige mal opteinï)
Hja sjonge:
Wize : Wie in Januari geboren is.
Nou binne wy famkes foar de lol, hawar.
Hwa \'t nou mynhear ris nimme scil, toar kar ?
Wy loeke doehs him yn \'e pet,
Om \'t lyk, wer \'t hy syn sin op set,
Der kin der grif op oan,
Hwet is \'t foariitsicht skoan.
Sa komt üs maet bidragen tit, ei nou,
D at ha wy wol foar de alde oer, mar hou,
-ocr page 28-
26
Der komt mynhear, hwot sjocht hy read,
Hy hingct wrichtich ut it lead,
Nou komt it er op oan,
Ilwct is \'t foanitsicht skoan.
All right, seit faek de boatsman en dat is
Safblle to bitsjutten as: \'k bin wis,
Ja, Pomper en syn ljeave soan,
Foar hjarren is nou \'t spil bidoarn.
Mar \'t komt er nou op oan,
Hwet is \'t foanitsicht skoan.
(Hja gean sitten.)
MlEMT. {Hy is in btjtsje skeef.)
Goê joun, frouljue! meitsje jimme ris in wandeltsje ?
"Witte jimme ck al, wer \'t de moayste plakjes binne ?
Jan.
Ja, foar den divel en de bramsting. Mar \'t is yotto
oerdei, sjoeh jou dat \'nt mear, mynhear ?
Mienï. (Hakkeljende.)
Ik haw allinne eagen for jimme. Mei ik wol ris fen
de dames witte, liwa fen jimme de dochter fen Douwe
Zeilinga is P
Piet.
Nou, mynhear! jou bin ek in moayen ien. Dat wennet
yn it selde doarp en mat je nou yet freegjo hwa fen üsers
Tiet Zeilinga is ?
MlENT.
Ik bin folie fen hus, mat je witte en Tietsje komt ok
net folie op \'e burren.
Klaas.
Né, dat omdangeljen op \'e striette, der haldt hja net
fen, dat lit hja oan oaren oer, mar hwet wol san mynhear
as jou mei dat famkei\'
-ocr page 29-
27
MlENT.
Dat is foar jou in fraech, mar foar my in weet. Mar,
ha war! ik wol oprjucht wêze. Ik Avoe hjar wol ris efkes ünder
fjouwer eagen sprekke. Der haw ik bilang by en hja ek.
Jan.
Ja, dat scil \'t wol. \'t Is jou om Mozes en de profeten
to dwaen. (Fen siden.) Mar dat sciste er nou net ris
ofswitte, moaye minhear, om \'e deale net. Der scille wy
foar oppasse, wy jonges fen Jan de "Wit.
Mi ent.
Jou sizze mear as jou wiermeitsje kinne. Ho kin jou
witte, hwer \'t it my om to dwaen is ?
Jan.
As jou sa sekuur de hünderttüsen ut \'e lottery hienen
as ik dat wit, den woenen je gjin müle tsjin üs frouljue
opdwaen. (Fensiden.) Dy greatskert!
Mient.
(Fensiden.) Wier ik hjir mar wer wei. Dit pakt siker
malle bryk ut. (Oerliïd.) Siz my nou hwa \'t fen jimmo
ïietsje is. Ik mien it goed mei hjar.
Klaas.
As jou dat witte wolle, sjoch den mar ris twisken de
beammen troch. Der komt hja krek mei hjar heit oan.
En jou heit, dy ek net fier ou is, scil jou wol mear sizze.
Dy kin Tiétsje sa folie to better as jou üs hjir wiis meitsje
wolle.
Piet.
Kom, jonges! gou efter de beammen. De alden komme
der oan. Dy matte üs hjir net fine. (Hja gean.)
Mient.
Jonges ? jonges ? Wol stom, hwet ha \'k my der foar
de karre ride litten. ïrije jonges! yn frouljuesklean en
der jinsen komt Tietsje earst oan, sizze dy apen, dy
smoarge apen !
-ocr page 30-
i
28
POMPER.
En hast dou Tietsje nou al to reden west mei dyn
smoarge apen. Bist wer heal en heal P
MlENT. (Hij heart it net.)
Is dat nou wrichtig de dochter f en Douwc Zeilinga?
POMPER. (Ticltt oaii sijn ear.)
Mast do dat vet f\'reegje, ezel P Dou hiest niy onimers
sein, datst hjar wol koesto. Dou bist in sule, as \'t net
slimmer is, ion fen ia botseu de sek lol.
MlKNÏ.
Sok aki, sok jong. Mar wit jo hwet, heit ?
POMPER.
Nou, sprek ris op mei dyn snoade holle.
MlENT.
Ik knyp er ut en gean der linich op ou. It wirdt lijir
dochs donderjen mei üs. Jou jonge seil hini sels wol redde.
Farwol! (Hij giet.)
Pompek. (Hij driget Mient mei de fust
en rupt hun nei twisken de
skermen troch.)
Jou jonge P Dou bist gjin jonge fen my. Sje der, nou
witst it, mei dyn farwol. Rin to sjongen, trochbringer!
ik wol neat mear fen dy witte.
Mient.
Meitsje jou net tsjok, tin is de mode.
Pomper. (Hij stiet mei de hun oan de holle.)
Nou sjoch ik gjin utkomst mear, nou is alles forlern,
nou bin ik grif for de haeien. Ek hastieh er op ou,
Leffert! it wirdt dyn tyd, leau ik, hege tyd. (Hij giet.)
Homke. (Hij komt mei Woplceoan
de iene side en Douwe mei
Tiet oan de oare side op.)
Douwe ! Douwe ! Myn lieave broer! Sjoch ik dy einliks
wer?
-ocr page 31-
29
Doüvve. (Hij fait Romke om \'e
hals.)
Komko! Dou ? Dou libbest yct ? En ik miendc, da\'st
dea wierstc, yet lange jioren dca.
Eomke.
Ik siz Invet ik siz, dy \'t libbet komt wcrom.
Douwe.
O, Iiomke!
Eomke.
Ja, jonge! ik bin \'t wezenlik sols. De swarten ha my
yct net opfretten on do readhüden hawwe my net skal-
pearre.
Douwe.
O, hwot is dit in bliido dei! En hwet soist dou der
fen, Tiet ? Hest dou gjin wirdon foar dyn omke ? Bist
dou ek net tige bliid ?
Tiet.
Ik wier dor mei bikind, heit!
Douwe.
Al lang, bern?
Tiet.
Ne, heit! yet mar in hiel lyts tochtsje.
Douwe.
O, broer! broer! hwa hie dat tinke kinnen ?
Romke.
Ja, jongo! it ünk is nou foarby, ik wit er alles fen,
mar it lok laket dy nou wer ta, it forspraet syn strielen
oor dyn libbenspaed.
Jan, Piet en Klaas. (Yet i/n frouljuesklean.)
Kiep, hiep, hoera! It farwetter is wer frij, de kust is
wer rom. Yot or is, hiep, hiep, hoera!
Woi\'KE.
All right, jonges! En nou dy missoliko klean mar
wer ut. Den kinne de ljue ck ris sjen hwa\'t jimmcbinnc.
-ocr page 32-
30
Hawaï", de klucht is ut, \'t is mooi geweest, sa \'t hja den
sjonge. {Hja smijfe de frouljuesklean ut.)
ROHKE.
Jan, Piet en Klaas. Wezenlik Jan, Piet en Klaas.
Klaas.
Ja, kaptein ! üs rol is apyle, alles is nou fest yn oarder.
Douwe.
Ja, yn oarder, yn oarder.
Wopke.
Al right. Sa \'t de kaptein syn broer der seit: ATles
is yn oarder, alles komt vet better yn oarder en dat allinne
troch ....
Allegjerro op liomke nel.
Omko jild.
(Hj<( gean sjongeude it toaniel i/n V roinidte, twa by ttra,
Mn oan hdn, Jan en Plet foarop, den Bomke en Tiet, den
Douwe en Wopke en Klaas efteroan mei In flagge omheech.)
Wize : Fake klok.
Nou sjonge wy fleurich in sangkje dernei,
\'t Kin nou lije, hwent omko is er wer,
En nou kin se wer libje mei elkoar,
\'t Koe net moaycr, net better sje der.
En dat komt nou fordild
Troch omko syn jild,
En de tyd fen rju wille komt oan.
Lit us sjonge derom,
En \'t fortelle rounom :
Sa wirdt \'t libben yet fleurich en skoan.
Nou kinn\' hja wer libje mei ear en glans,
Nou hoccht it net mear by it waltsje lans,
Nou ha heit en syn Tiet
Net langer fortriet,
En dat komt dou troch omke syn jild.
-ocr page 33-
31
Pomper. (Hy het de klean fen
Krien oan en strampelt
oer it toaniel.)
ROMKE.
Hwet Aid man is dat ? witte jimmc it ?
Douwe.
Dat \'s alde Krion, in biddeler ut Ilarns.
Jan.
Den mast hy ek ris in stikjc foar üs spyljc en sjonge,
hwent dat mat er moay goed kinne.
Piet.
Hawar, Alde! Spylje op en sjonge derby.
KLAAS.
Tige lüd, hear, den krijste in goune. It kin lijocd
wol lije.
Pomper. (Mei in oar lüd.)
As de hearen it forlangje, den scil it wol oangean matte,
mar it kin hjoed wraehticli hast net, hwent ik bin heis-
like forkalden.
Wopke.
Lit it den mar, mynhear Leffert Pomper! Ik leau ek,
dat jou slim forkalden binne, mar dit binne jou hjoed net
wirdcn, myn goode man, dat wit jou sels ek wol.
Allen.
Hy, dy biddler mynhear Pomper ? Ho is \'t müchlik ?
Dat matte wy better witte.
Wopke.
All right. (Hy n\'unt hlm de hoed en \'t falske bird of.)
Sa \'t jimme sjogge, mynhear Leffert Pomper, libbensliif.
Pomper.
Porhip dou, Alde ütrammele sébonk! Ik . . . (Hij sjuc/it
de fjüdwachter en giet er hastich op ou.)
Fjiedwachter.
Der is er. Ik ha bifel him finsen to nimmcn.
-ocr page 34-
32
ROMKE.
Lit liim mar gean. Wy wolle net mear nci sokkon
omsjen. Wy bin nou fiersen to rom om \'t herte.
FjH,DWACHTER.
Ja, mar myn oarders en boppe dat \'t rjucht mat syn
loop hawwe. (Hy giet.)
WOPKB.
Hy het gelijk. Lit se mar gean en üs yct ris sjonge.
(Hja sjonge i/et ris op \'e selde menear.)
Al \'t jinge foar jierron hjir foarfallen is,
\'t Is forgetten, it ünk is foarby.
En nou kinn\' wy wer sjonge fen tralala,
Omkc thüskomsto makket üs bly.
En nou komt as alear,
\'t Mei de broorren wer klear.
En de tyd fen rju wille komt oau.
Lit lis sjonge derom,
En \'t forhelje rounom
Sa wirdt \'t libben yct fleurich en skoan.
Nou kinn\' hja wer libje mei ear en glans,
Nou hoecht it net mear by it waltsje lans,
Nou ha heit en syn Tiet
Net langer fortriet
En dat komt nou troeh omko syn jild.
-ocr page 35-
I
-ocr page 36-
Printer hjirfen het ck dtjown :
Smids Feikje of Rjuerdoms testemint . ...... ƒ0,75
Wikje Kar . . . . . : , . . : ,.\'..... -0,75
Jetske de Wees . -, ........ - • . . - 0,90
Hwa is yens neisto....... . . . .■..;... • -0,80
I)o Jilds^umpor. . ........ . . . ■ ■\'■\'.• -0,75
Lubbert Erchtink (Garde Printinge) . . . .\' . . ,. ■ ..-0,50
Rabbery beskarame en woldwaon beleane (Oarde Printinge) - 0,30
It tsiende gebod (Oarde Printinge) . . .... . . - 0,30
Tryc jieren letter of Levi Smoel de Lotteryjoad,
(Oarde Printinge) . . ."\\......... . . -0,25
De Utdragerswinkel, (Tredde Printinge) . . . . . . -0,30
De Alde Jas, (Fjirde Printinge) . . ...\'.. . .-0,40
Ju faeni en in Arbeidster by Keapinan Watse, (Tredde
Printinge)................. - 0,30
Sökke mar mear, (Oarde Printinge).....i -. \' \', . - 0,30
De Keartlidster fen Grritsebürren, (Oarde Printinge) . . - 0,30
Trpeh ?t tsjoede ta \'t goede.....■. . . . . . - 0,00
Riueht en sliucbt of oars om. . . . . . \'. ..... -0,40
Mal ut, Mal thüs............... -0,40
De Skinke of de Skelm yii \'e knip . ... . • •.\';. -0,25
Thomas en Tsiarhke of de mislökte reis nei Noard-Amerika,
(Oarde Printinge)........:.,.(. ,. \'. . . . -0,30
De Timmerman van Roosdorp . .... . .".,\'. . . - 0,50
Pier en Pierkje........... . .\', ■ • .-0,34»
Do Wiersizzer fen Nergenshnecn.........-0,25
Lubbert of de mishikte moart, (Oarde Printinge) . . . -0,30
Jn alde rot in \'e falie, (Oarde Printinge) . •
        • • • -0,30
Sabeare Dronken.....• -• • ■ • •.•■•• • "0,30
Kees Moster, (Oarde Printinge) . . . . ... . . . -0,30
Xanneboer en Master Slim . . . . . . . . •\'■>\'• -0,30
De Doer by de Divelbander . . (Bye-koer 1864) . . - 0,30
Solke mei de bacrgefoctsjes t . . . ( „ „ 1866) . . - 0,30
\'t Wiif üt to arbeidsjen ....(, „ 1871) . . -0,30\'
In neef üt Amerika.....( „ „ 1874) . . -0,30
De gearjeft fen Beitske en Japik. ( „ „ 1878) . . -0,30
Ljeafdo en frjennskip.....( „ \'„ 1880) . . -0,30
Ljeafde siket list ......(„ v 1881) . .-0,30
Sabeare Dokter.......( „ „ 1886) .. .-0,30
De Skippersfeint en do Jiffer . . ( „ „ 1887) . . -0,30
De Bütertonne........ ( j „ 1888) . .-0,30
In hüs nei \'t sin. . ,....(, „ 1894) . .-0,30