-ocr page 1-
iV4 2.
O,--/ ^
:^$ys{%
i
w                                w
Zylstra\'s kwartsjes Eoekei^y,
V.
Velswyljen.
RYM en ONRYM
^.*;
PEN
.„./*>• ?-
>.
H\'lU.l\'C DYHSTRA.
i
^jr^ï^^cz^c**
:
Sn.ïs,
J. W. MULLER,                           ^v
Firma II. Pijttcrsen Tzn.                    1"^
NS
-ocr page 2-
4#
-. ■-
-ocr page 3-
e
ft
z
YLSTRA S KWARTSJES
EKERY.
V.
© I 8 W J I j © B.
RYM en ONRYM
FEN
WALING DYKSTRA.
-f^KJbCir^Ci^J?
ÖN1T*,
•I. \\V. MULLER,
Firma IL Pijttersen ïzn.
-ocr page 4-
/,
-ocr page 5-
Oer onmakke Frouljue.
Elk het hjir syn lésten te dragen , dat is nou ienkear
sa en dat kin net oars. Al sit immen ek oan \'e kop en
earen ta yn \'tjild en al het üs Ljeaven Hear him dübeld
en dwers segene, der skeelt altyd in dit of\' in dat oan.
Mannich nidige ouginstige lübis scoe graech in hele sek-
fol soargen en biswieren fen oare minsken ta syn lést
nimme wolle , as er hjarren den ek it gelok en de wille,
dy \'t er hj arren sa heislik forgint, mar ontnimme koe.
Mar witte jimme wol hwet hjir eigentlik it alderslimste
is hwet men bitinke kin ? As immen by al syn lésten
en hollebrekken ek yet in hüskrus het, dêr \'t er fen \'e
moarn ta de joun mei tangele sit. Dêr is alle oare lést
gjin neamen by wirdich.
Ik wit net oft jimme alde Geale Drabbel ek kend ha.
Wol ris neamen heard, tink ik. — Nou, dy man hie
sa\'n himel op ierde, dy \'t alderheislikst fen pik en
swevel stonk. Dêr koed er in kleiliet fen Jeremyas len
ophelje. De man wier noait fen kwelling en onrêst ont-
lestge , sa lang er syn ald draeitreeft hawn het. Hy het
my faker as ienris syn need klage. Men seit wol: twa
kibje, twa skild, en dêr is ek al faek hwet fen oan, mar
ik siz \'t jimme, dat Geale syn alde Heabel in heislik mal
-ocr page 6-
i
4
stik Msrie wier. Ho \'t hja de ald man it libben lêstich
makke het, dat kin gjin minske leauwe.
Dêr liiene jimme alde Pabe Plat, dy gyng der oars
mei to wirk. Dy siet ek opskipe mei sa\'n hüsdraek, dy \'t
by rest en frede net aerdsje koe. Mar hy wiet ridlik
liep, hy slöech der mei gekheid oer hinne of bearde dat
er hjar eameljen net hearde. Mar dêr koed er hjar sa
yngrimmitich mei krije , dat se der blau fen om \'e kop
waerd. Dat holp hjar lykwol sahwet neat. Ik scil jimme
dêr in pear stikjes fen fortelle.
Ienkear do \'t Sibrich wer in ougryslik spektakel yn \'e
hüs makke , - - ik wit der neat fen hwêr oer, — bigoun
Pabe swietflenrich to fluitsjen fen: Schoon Sofie, mijn
engelin
, Die ik zoo teer bemin , ens. Hja waerd alhiel
poer en op \'t lést roan se ta de doar ut; hja woe hjar
forsüpe, sei se. Hy liet hjar rinne en seach net nei
hjar om, mar hy krige syn beste hoed ut it kammenet,
en brocht dy by Sijke skroar, dat dy der in rouflues om
sette. Do \'t Sibrich oan \'e feartswal ta wier , biredte se
hjar, en do \'t se wer yn \'e hüs kaem wier se al aerdich
bikoelle.
»Sjuch!" sei Pabe, »nou hest my to liter hawn, Dou
woest dea , seiste niis , do tocht ik , den moat ik mar
gau swart krip om myn hoed sette litte; en nou is er al by
Sijke skroar. Nou moat er dêr mar gau wer wei , oars
krije wy onnutte kosten."
Sibrich woe der sels net om hinne , mar hja makke al
dat de hoed gau hwer thüs kaem, en sint praette hja
net wer oer forsüpen.
Op in oare kear wier Sibrich ris in bytsje gammel; do
miend\' se sels al dat se dea-siik wier. Do die se sa\'n
-ocr page 7-
s
hele godlike dei oars neat as piizjen en simperjen, en
hja wier sa heislike piperwynsk, dat Pabe faek fen kleare
bare wearaksel ta de doar iit roan. Mar hy moast der
den doch ek al wer yn. En den wier b}a mar jimmer
oan \'tjeuzeljen : »Ja, Pabe, dou slachtst myn ongemak
net folie acht, mar ik siz \'t dy , ik kom er net wer fen
op. As pinkster yn \'tlan is liz ik op \'t tsjerkhöf, dêr
kinst op oan."
Mar hja libbe doch wer op en koe al skielik wer
allike goed bekje en tsjetterje as tofoare, en pinkster-
sneintomoarn stapte Sibrich pronkmoai nei tsjerke, sa
bidêst as in fromme kristinne.
Oard\'el wike nei pinkster wier der dyksforhiering yn
\'e herberge. Dêr woe Pabe wol ris by sjen en do\'t er
de doar ut scoe sei Sibrich: »Honear komst jounthüs?"
»Om tsien ure , rekkenje \'k," sei er.
Mar hy foun yn \'e herberge wol aerdich selskip nei
syn sin; hy rekke in bytsje oan \'t plakken en \'t waerd
oer alven ear \'t er thus kaem. Sibrich wier mei de lilke
kop tsien ure dalik op bêd flein. Mar hja waerd net fen
de nachtmerrie pleage; do \'t hy ynkaem wier se gau
oerein en stiek de holle troch de gerdinen.
»Is \'t nou tsien ure ?" sei se finnich.
»Né , \'t is al hwet letter ," sei Pabe, wyls \'t er bidaerd
oan \'t baeitsje löek.
»A1 hwet letter?" snaude hja. »Ja, \'t is healwei
toalven. Bist dou nou in kearel fen dyn wird?"
»Och heden!" sei hy, »den skeelt it yet mar oard\'el
ure; is dat nou sa slim ?"
»Mar oard\'el ure! neamst dou dat neat ? Dat roait
-ocr page 8-
6
onimers nen byt. Ne, dou bist gjin kearel fen dyn wird;
ik leau dy noait wer."
Pabe sei: »Den hoef ik dy toniinsten noait wer to
leauwen. Langlêsten hest faker as ienris sein, dcra scoest
pinkster op \'t tsjerkhóf lizze; nou binne wy oard\'el wike
nei pinkster en dou leist dêr yet op bêd to kefjen. Dat
skeelt folie mear as mei my. Dou bist ek gjin frominsk
fen dyn wird."
Do wier se takocht.
Earlik krige.
Baes Hearke siet onfóech yn \'t near ;
Hy hie gjin jild en iten mear.
Hy sei: »Wol nimmen my hwet jaen ,
Hawar! den moat de divel \'t dwaen."
Syn wyfke sei: »Bidarje hwet!
En rop mar oan \'e divel net."
Hja hie \'t pas sein, dêr stied er al,
De kweade. Hwet seach Hearke mal!
De aldfeint sei: »Hwêrom ropst oan my V\'
»Omdat ik kjeld en honger lij,"
Sei baes. »Kinst dou mv helpe, maetV
Oars spring ik ljeaver yn \'e saed." —
»Nou , hwet scoe dat? Dêr fynste neat
As wetter en wollicht de dead;
Dêr is net byt to heljen , man.
Ik ha for jimme in better plan.
-ocr page 9-
»As \'tjild ha wotte, siz den mar
Hofolle, \'k lit oan dy de kar." —
It wyfke sei: »Wy redde \'t wol,
Wol \'k leauwe , mei \'n healkynsen fol.
\'t Moat goudjild wêze en echt en goed,
Mei tsien jier like geef as hjüd.
En den bitingje \'k yette ta:
Ik wol in tige miette ha.
Us maet sei: > \'t Is my goed en wol."
Hy smiet it fetsje oerrinnend fol.
Der kaem in kop op krekt sa great
As dat er him ierappels meat.
Hy sei tsjin baes : »Dat hest to lien,
En \'k scil dy sizze ho \'k it mien.
Mei saun jier freegje ik \'t wer fen dy ;
Den kinst mei sljuchte miette frij.
»Ik nim der ek gjin rinte fen ;
Mar sljuchte miette, oars neat. Dat kin
For dy wol ut, scoe \'k tinke , net ?
En biste nou net haestich redt ?"
It wyfke stie dy rynskens net.
Hja tocht: Dy falske divel het
Gjin goeds yn \'t sin; wy moatte gau
As \'t slagje wol, wer fen him ou."
Jy jouwe saun jier tiid , mynhear ,"
Sei hja; »mar ha wy \'t earder klear ,
Den woU\' jy \'tfêst wol earder ha?"
Hy sei: »Ast dou dat kinste, — ja!"
-ocr page 10-
V
8
Do helle \'t wyfke in strikel gau
En striek dêr mei \'thealkynsen ou.
\'t Oustritsne fandle se op en sei:
»Hjir redde we üs foarearst wol mei.
>Nim \'t oare mar wer mei, hawar!
Den binn\' wy lyk yn ienen mar ;
Jj habbe sljuchte miette. En nou
De doar ut, ek mar tige gau!" —
»Dêr wierste hwet to gau biredt,"
Sei baes. Hja sei: »Dat leau ik net.
Dat jild wier yn in jier of saun
Forsille , — en Hantsje hie üs hawn.
»Safolle wier for üs net goed.
Dit kinn\' wy brüke sonder noed ,
Hwent earlik ha wy \'t krige , oars net ¥
Nou het de kweade op üs gjin fet."
Myn lytse Prjeun,
\'k Hab yn in kau in aerdich dier,
In fügel brun en giel,
Dy sjongt fol wille let en ier,
Dy kin hwet mei syn kiel.
Moarns kipet de earste sinneskyn
Sa gau net yn myn went
En ta myn lytse keamer yn,
Of \'tfrolik beest bigjint.
-ocr page 11-
9
En middeis as \'k oan \'titen sit
Den sjongt er mei sa\'n nocht ,
\'t Is oft de lytse liepert wit
Ho \'n wille my dat docht.
Sa gau ik jouns it ljocht op stek
Bigjint er wer op nij.
Noait wirrich wirdt syn lytse bek.
Sa wier ! dêr kin \'k net by.
En stiet my soms de mütse n\'t goed
Of sit ik yn \'e myt,
Den jout myn lytse frjeun my moed.
Hy sjongt en kweelt altyd.
Dat is bryk!
Wize: Men zegt niet alles wat men weet.
\'k Wier okkerfreeds ris yn \'e stêd ,
Do stie dêr op \'t Waechsplein
In Joad fen tonge niivre glêd
En spraeksum sonder ein.
Dy feilde koopren ringen ut
For jicht en remetyk ,
Dy holpen yn in goed minüt.
Ik tochte, dat is bryk!
-ocr page 12-
10
Yn Londen , Weenen en Parys \'
En Amsterdam dêr gau
Sa\'n ring en tige hege priis,
To heech for sljuchtwei ljuw.
Mar hy — it minskdom ta geriif,
Dat li]dt oan remetyk —
Forkocht se for in stür of fiif.
Ik tochte , dat is bryk !
In wiis profester hie him stjürd
En tsjin him sein: Gean jou
Troch \'tlan en doch de minsken goed
En help fen lést hjar ou. —
En sa genêst dy Isralyt
Fen jicht en remetyk
Nou sljuchtwei ljue for hast nen byt.
Ik tochte , dat is bryk!
In kristenman, dy sljuchtwei ljuw
Bifrijt fen sielewé,
Moat leanne wirde tige grou
Oars seit er dêrfor : né !
Nou , as in Joad sa kristlik docht
En as men \'t himelryk
Onkristlik djür forkeapjen sjucht,
Den siz ik: dat is bryk !
Myn bürman sei: »Dy Joad seit hwet
Dat ik net leauwe kin.
Pas op jou tellen, hwent hy het
Ousettery yn \'t sin." —
-ocr page 13-
11
Nou, as den \'t oare wierheid is ,
Den komt it wer yn \'t lyk;
Den bin ik yn myn oardeel mis.
Oars wier \'t ek al to bryk.
Ik wie hwet gammel f\'line jier.
\'k Sei: »Helje dokter gau ;
Myn ongemak is net sa swier,
Den bin \'k er dalik ou."
Ik krige drank , mar \'t foardre neat;
Ik bleau sahwet allyk.
Mar \'t waerd in rekken tige great.
Ik tochte, dat is bryk !
Ik krige mei in man torskil ;
Ik miende, hy wier mis.
\'kSei: »Nei de rjuchter mar , dy scil
Gau sizze ho \'t it is." —
Myn bürman lykwol redte my :
»Hab ljeaver ongelyk,
Oars krigest yet der kosten by."
Ik tochte , dat is bryk !
Is help fen wize mannen sa
Bidröefde djür to keap ,
Den is \'t for ljue dy \'t moppen ha,
Net for de greate heap.
Myn bürman waerd in bytsje boas
En jöech my gjin gelyk.
Hy sei: »Dy dingen kinne n\'t oars."
Ik tochte , dat is bryk !
-ocr page 14-
12
Dat mannich koalnegoasje dijuwt
En dat kwaksalverg
Yn alle fakken geande bljuwt,
Is den net freamd, tinkt my.
Dat sljuchtwei ljue nei knoeyers gean
Dy \'t opwaechse oan \'e dyk ,
En nei sa\'n Joad to harkjen stean,
Dat is den net sa bryk.
DOMINY DIVEL.
Boer Pibe siet by dominy;
Ourekken scoen\' se halde.
Boer Pibe wier modern en frij,
En doomny stiif foar \'t alde.
Sjuch, dominy hie fen dy boer
By \'t hjerst ierappels krige.
Dêr gyng er oars tsjin \'t sin ta oer,
Mar Pibe hie se tige.
\'t Het ommers altyd al sa west,
De geastelike ljuwe
Ha ljeafst yn \'t stoflike alles best.
Dat scil wol lang sa bljuwe.
Hja hiene gau de saken dien;
Do koe de baes \'t net hirde;
Sa\'n ketters-man, sa\'n grouwen ien,
Moast efkes heuvle wirde.
-ocr page 15-
13
»Ik sjuch jo yn \'e tsjerke net;
\'k Moat tinke, dat myn leare
For jo net folie wearde het;
Jy wolle er net nei heare."—
Boer Pibe sei: »Dat stini ik ta.
Hwet jy de ljue fortelle ,
Moat ik for my nen bytfen ha,
Dêr kin \'k ifc sonder stelle."—
»Den binn1 je ien fen dat soarte, dy
De spot mei alles drjuwe.
Den scille je ek," sei dominy,
»Net oan in divel leauwe."—
»Ja, de iene scil for de oare faek
In divel wêze kinne;
Mar \'k leau net oan dy alde snaek ,
Dêr \'t follen bang fen binne."—
»Mar as dy alde snaek , goeman ,
By tsjuster jo ris mette",
Sei doomny, »\'k tink, jy scoene \'t den
Wol op in rinnen sette."—
»Ja , as dat harde ," sei de hoer ,
»\'k Liet den myn drystens farre ;
Den snijde \'k ut, de sleatten oer.
Mar \'k leau , dat scil net barre."
Nei yet in poaske praten sa
Gyng Pibeboer wer hinne.
Do died er yet in hoadskip twa
En stoep nei hüs allinne.
-ocr page 16-
14
Hy kaem op \'thiem, hy seachh wet stean
Dêr tichte by de skerne ;
In lang figuer yn swarte klean.
Hwa scoe dat wêze kinne ?
De boer gyng swijend yn \'e hüs,
En tsjin syn feinten sei er:
»It is dêr op lis hiem net plus ,
»Dêr is in freamd strünjeijer.
»Ik mei \'t gewear gean diss\' kant om,
Oan \'e oare kant gean jinime;
Wy moatte sa dy makkerom,
As \'t kin , to pakken nimme."—
\'t Waerd dien. De feint x-óp ridlik gau:
»Sjuch, sjuch ! dêr glüpt er hinne!
Boer! sjit him yn \'e poaten nou,
Den kin er \'t net ontrinne."
De swarte man naem hakken op;
Hy koe wol liird ütmjitte.
Hy fluchte mei binaud gerop:
»Och Godt! och Godt! net sjitte!"
Hja hearden dalik wol aan \'t lüd
Hwa \'t wie. De feint róp yette:
»Boer! sjit den donder yn \'e hüd ,
Wy moatte er mearfen witte."—
Dat woe de boer net, mar al hie
\'r It wold, hy hie net kinnen ,
Omdat er slop fen laeitsen wie
Om dominy syn rinnen.
-ocr page 17-
15
Hwent doomny wie \'t. Hy hie dêr stom
Por divel spylje wollen.
In alde toga hied er om ,
Mei punten oer \'e holle.
Licht sizze jimme: dat wier flau!
Nou, ik sprek for syn eare.
In sondaer woed er bringe yn \'t nau,
En sa de man bikeare.
Dat miste \'m En nou siz ik mar:
Wolle yen de sondaers sjitte ,
Towyl min skript om \'t heil fen hjar,
Den scoe men \'t ljeaver litte.
Oft doomny deis of wol op snein
Soms yet for divel spilet,
Dat wit ik net. Wol wirdt der sein,
Dat mal de man soms bilet.
Mar jouns by tsjuster op \'e sjou ,
Dat scil er net wer weagje ;
In flinke boer koe oars him gau
Fen langhout planken seagje.
En kaem it jimme noait yn \'t sin,
Jimm\' koene \'t hjir nou leze:
In doomny yn in toga kin
Soms wol in divel wêze.
-ocr page 18-
16
De Aldwive-Mounle.
Ha jimme wol ris fen Klaes Kinst heard ? \'t Kin heel
wol wêze fen net, hwent dy man liet al langer as hon-
dert jier dea west. Hy wier boer to Achlum, mar hy
koe ek hwet mear as sljuchtwei, oars wie syn namme
net ont nou ta yn oantinken bleaun. By syn libben hiene
in hopen ljue it net op him stean , hwent it sizzen wier
altyd , dat er syn kinsten fen in nuvere master leard hie.
Hy koe jouns as de lampe op wier, ruters en soldaten
ut de hirddobbe opkomme litte; hy koe de minsken op \'t
paed stil stean litte; hy koe mei syn boatsje yn \'e wyn
op sile en onder in tille troch sonder dat er \'t seil hóefde
to striken of de mest to wippen. Hy koe \'t ek tongerje
en waerljochtsje litte sonder dat it swier waer wier , —
en hy koe yet ik wit net hwet al mear.
Dy selde Klaes Kinst het ek ris in aldwive-mounle
ütfoun. Dat ding wier omtrint fen bistek as in kofje-
mounle, mar ongelike folie greater. En den waerd der
fen onderen oan draeid ynpleats fen boppe. Onder by de
groun siet der in dwers-peal yn, dy koe troch twa man-
ljue yn \'e roundte skoud wirde en sa brochten se de
mounle oan \'tmeallen. De alde wiven waerden der boppe
yn treaun, meager, krom en ütlibbe, read-eagich en sonder
tosken, — en hja kamen der onder wer ut roljen as
jonge flinke frouljue mei kleuren as roazen. As de mounle
mar ienkear yn \'troun west hie, den wier \'tklear. Den
knapte en kreake \'t dêr fen binnen yn op in stuit, dat it
yen troch ieren en sinen gyng, — mar den wie \'t wonder
ek ta \'n ütfier brocht. Frege men den oan sa\'n frominske
-ocr page 19-
17
dy \'t der fornijd en forjonge, flink en feardich rit de mounle
stappen kaem , oft se net in ougrysliken pine ütstean
moatten hie , den sei se : »Hwet prate jimine fen pine ?
It gyng sa nochlik en aerdich yn syn wirk, alheel nuver !
Omtrint op \'e selde menear as dat men moarns to wekker
wirdt, as men tige swiet sliept het. As de sinne den sa
moai yn \'e keamer skynt en men heart buten doar de
fügels sa fleurich sjongen en men keart yen den yet ris
om op bêd en men rekt yen ris goed ut, den kin \'t yen
sa rjucht nochlik troch de lea gean. Nou , sa omtrint
gyng \'t der yn dy mounle ek."
Op Lytselollum onder Frjentsjer , in löech pear üre fen
Achlum ou, wenne destiids in ald wiif, Gredske Blom-
koal hiet se. Dy hearde ek fen Elaes Kinst syn wonder-
mounle fortellen. Dat like hjar nuvere moai ta. Hja hie
yn hjar fleur altyd in helder-opske west; do fleach se
oer hikken en stekken en stie for waer noch wyn. Mar
hja wie ald en strampelich wirden. Hja koe mar min
sjên , hja wier bjustere hirdhearrich en hja hie gjin tosken
mear yn \'e mulle. Dat kaem hjar allegearre sa mal oan,
dat hja sei: » As \'t sa moat is der neat mear oan \'t libben;
den wol ik ek mar allike ljeaf dea wêze." Mar do se
hearde dat Klaes Kinst hjar wer jong meise koe, do wier
se to halden noch to kearen, dêr woe se op los. Hja
koe mar in bytsje hirder mear rinne as in slak krüpt,
mar hja jóech hjar doch op \'e reis. It einde omtrint
allike folie as de man yn \'e moanne, hwent hja moast
alle amerijen stean to hoastjen en to kocheljen, en den
moast se wer in poaske yn \'tgears sitte om hwet rit to
resten. Mar hja sukkele doch sa stadich-oan foart en
2
-ocr page 20-
18
kaem lang om let to Achlum by Klaes-omme hiem. De
alde hinge oer de hiemshikke ut in koart swart eintsje
piip to smoken.
»Goên, dei!« sei Gredske, »ik hab heard, dat se in
ald minske hjir wer jong meitse kinne; dêrom bin \'k hjir
hinne tein. Mar o f ij ! fij! hwet is dat in bloedich ein
to gean, fen uzes óf hjir hinne.«
» Hwa binne jy ?« sei Klaes sonder him folie to foroarjen.
> Ik bin Gredske Blomkoal fen Lytselollum; jy scille
niy fêst wol ris neamen heard ha. Sa lang ik hwet koe
ha \'k yet al aerdich spil ut jown yn \'e wrald. Mar \'t
is nou oer, as \'t net wer oars kin.«
Klaes-om sei: »Ja , ik ken jo al sahwet, leau \'k; kom
mar efkes yn \'t milhüs , Gredskemoai , den kinne jy hwet
ütrêste fen de reis.«
Sa woe \'t ald sloof wol graech , hwent hja wier skiën
tojjn ein. Klaes helle in great boek foar \'t ljocht, dêr
naem er in lange pljimze pompier üt, en dy lei er
Gredske foar.
» Myn ginst! ha jy de rekken fen \'t krewei al opmakke ?
Moat ik foariït biteljeVc
»Ei kom, hwet skeelt jo?« sei Klaes. »For dat om-
meallen nim ik gjin jild. Wolle jy de feint in sechsteheal
jaen , ast dien is , dat stiet oan jo ; jy kinne der ek frij
fen. Mar jy moatte onder op dit pompier jou namme
sette , ear \'t wy mei \'t wirk bigjinne kinne.«
>Myn nanimc. op dat pompier sette ?« sei Gredske.
»Hwet scil dat bitsjutte? Moat ik faek myn siele oan \'e
divel forpanje ? Dat doch ik net, hear ! Ik bin lang net
sonder kwea , dat wit ik tige best, mar \'k hoopje doch
vet wol goed oan to lanjen as \'khjir ienkear wei moat.«
-ocr page 21-
10
Klaes lake der om en sei: »Wês mar net yn noed,
minske, soks wirdt net fen jo ferge. Mar op disse list
steane alle gekke setten en sleauwe streken oanteikene ,
•ty \'t jy Jou ne^e libben lans ütfierd ha. Jy kinne se
allegearre op \'e nümer neisjen mei dei en datum derby.
En ear \'t jy nou yn \'e mounle komme om wer jong
meald te wirden, moatte jy jou namme der for sette ,
dat jy al dy gekke setten en sleauwe streken yette ris
wer dwaen scille , krekt sa \'t se dêr op \'t pompier steane."
Mei ien seach Klaes-om de list ris oer en sei:
»Dêr stiet yet al aerdich hwet op , Gredskemoai! Dy
diveker! ja, der stiet hwet op! Pen jou sechstsiende
jier óf oan jou seis-entweintichste ta, alle dagen op syn
minst ien, mar sneins stiiffêst twa of trije. Letter is \'t
in bytsje better wirden; mar sjuch bjir ris, mei \'t bigjin
fen de fjirtich jier ... .! Minske, minske ! hwet wirdt
dat in lange rekken. Hjir yn \'e leste jierren , — nou ,
dat is yet al skiklik."
Gredskemoai helle in swiere sucht op en sei:
»0ch, myn lje&ve tiid! hwêr scil dat jongmeallen den
goed for wêze ?"
»Dat meije jy wol sizze," sei Klaes. »Por demeasten
is \'t suver de moeite net wirdich. It is ek al sa fier
hinne, dat de mounle stiet meastal saun dagen yn \'e
wike stil. Yn \'t earst do \'k him hie, ha wy \'t der wol
fiks drok mei hawn; do jöech \'t gau ris in moai büten-
kanske for de feint, mar \'t seit nou neat mear."
»Mar ," sei Gredske , »kin der net hwet fen dy list óf?
Der steane in stik of trije dingen op, dêr ha \'k my tige
oer skamme, do \'t se foarby wieren; ik wit ek wol dat
ik dêr alderheislikst oer birabbe bin en \'k hie op sa\'n
-ocr page 22-
"-.....■\'•\'                                                    20
stuit frij hwet jaen wold as \'t den ligens west hiene.
As dy setten nou fen Te list of koene . den scoe \'k it
mar oannimme om dy oare allegearre wer to dwaen."
»Né," sei Klaes Kinst, »der is suver net in sierke óf
to tingjen. Jy moatte alles dwaen en oars giet it oer."
Gredskemoai bitocht hjar efkes, mar net lang. Hja
sei: »Nou, skoer den dat hele stik pompier mar oan
gruzeleminten , en jou wondermounle mei om my yn \'e
loft fleane. Ik moat mar sjen dat ik Lytselollum werfyn."
Hja strampele der wer op óf. Alheel ut \'e liken fen
de biswierlike reis kaem se wer thüs. Do de minsken
hjar fen fierren oankommen seagen waerd se al wakker
nijsgjirrich tomjitte sjoen.
»Heden noch ta, Gredskemoai," seijen de ljue, »jy
komme^ommers krekt allyk werom as jy hinne gien binne
Is \'t allegearre gekheid hwet se fen dy mounle fortelle ?"•
Gredskemoai hoaste en kuchte en sei: »Gekheid, né,
dat kin \'k just net sizze. Mar do \'t der oan ta wier
waerd ik eigentlyk in bytsje bang fen dat spil. Ik hab
ek al sa folie wille fen \'t libben hawn, dat ik wol \'t
der sa mar op oankomme litte. Wer jong to wirden?—
Nou , ik hab der mar for bitanke."
-ocr page 23-
21
IN LOKKIOH HOTJLIK.
Twa troude ljue dy \'t altyd libje
Yn süvre frede en noait ris kibje:
Men tinkt, dy komme nearne foar.
En doch hab ik sa\'n pearke kennen;
Twa minsken altyd iens f en sinnen ,
Sa lang se libben mei elkoar.
Hwet de iene die mocht de oare witte,
Hwet de iene liet woe de oare ek litte.
Hja wieren altyd gol en grien.
Hja lieten hjar troch elkoar liede
En koene se elkoars winsken riede,
Den waerd der dalik oan foldien.
Hy wier net dwers of eigensinnich,
Hja wier net eamlich , stymsk of finnich,
It wetter roan altyd ien wei.
Hja stjürden fleurich al hjar dingen.
Ta elkoars nocht hwet by to bringen,
Der wieren se altyd beuzich mei.
Allyk as twa dy \'t yette frije
Hjar graech for alle flaters mije
En dogge hjar op \'t moaiste foar,
Sa jöech dit pear ek noait gjin bliken
Pen knepen dy der yn hjar stiken,
Allinne ut achting for elkoar.
-ocr page 24-
22
Sa wier hjar halden en hjar dragen
Aloan yn al hjar houliks-dagen,
Fen de earste ure of oan ta \'t lest.—
En ho dit wonder is to leauwen ?
Hja stoar\'n in wike nei hjar trouwen.
Oars hie \'t ek grif onmoglik west.
EFKES MIS.
Aid Sapeboer wier net to goed.
Syn hüsfroufaem , dêroer yn noed ,
Róp dokter oan en dy raynhear
Sei: »Nou , ik hab him gau wer klear.
»Syn ongemak is net sa slim,
In doasfol poejer stjür ik him ,
Dêr jaen je \'m ürs safolle fen
As op in stürke lizze kin."—
Nou, dat wier goed en dat gyng oan.
Mar de oare deis yn \'e iere moarn
Kaem Lys by dokter gean en sei:
»Ik leau de boer giet bjir mei wei."
»Ei né doch!" sei de man forheard.
»\'t Stie jister mei him net forkeard.
Hest dou him poejers ynjown sa
As ik it dy ornearre ha?"
» Jawis," sei Lys , de doaze is nou
Al leech , dat wie\'r al ridlik gau ;
Hwent, sjuch , in stürke hien\' wy net,
Do ha \'k my mei fiit cinten redt."
-ocr page 25-
23
DE GROUSUMME SKIEPPEHOEDER.
IN ALD TELTSJE.
Der wier ienkear ris in ondogense skieppehoeder, dy
hiet Andries ; dy bruide de skiep sa jammerdearlik , dat
er alle dagen in nije skieppestök snije moast. De earme
bisten wieren banger fen him as fen de houn , al wier
dy oars ek al neat better as syn baes. As Andries de
skiep slóech , den waerd de raem lilk en bea syn baes
de hoarnen, mar dêr kaem oars neat fen as dat de raem
yet mear bruijen krige as de oare skiep. Ienkear do dat
beest ris wer in tige pak stokslagen op syn hüd krige,
gyng er op \'e flecht de heide oer. De hoeder roan him
efternei en slóech him wiles hwêr \'t er him mar reitse
koe. De raem roan lykwol mar foart en sa kamen se al
jimmer fierder yn \'e wyldernisse. Onforhoeds kamen se
foar in greate küle , sa brped en sa djip dat se der fen
tobek skrilden en alle beide staffenaf stean bleauwen. De
raem birette him lykwols net lang; mei in ougryslike
sprong fleach er oer de küle hinne. »Doch mar efkes
tiid," sei Andries ; »ik scil dy wol neikomme. Dou ont-
rinst my net."
En hy naem in greate oanrin en sprong ek oer de
küle , mar de sprong wier him eigentlyk oer \'e meuch ;
hy kaem oan \'e oerkant op hannen en foetten del. En
do \'t er wer oerein miende to gean, do woe dat net rjucht
flotsje; hwent tink ris oan ! syu hannen wieren yn skiep-
pepoaten foroare, en de hele fint wier sa mar hi folsleine
-ocr page 26-
24
raem wirden, alhiel allyk fen hier as dy, dy \'t er efter-
folge. It wier sprekkend deselde raem , hy hie \'t selde
aerd en koerakter , deselde skieppesnüt, deselde lokkige
wolle en krekt allyk sokke kromme hoarnen dy \'t wüchsen
wieren lyk as koarketrekkers. En wyls \'t de skieppe-
hoeder sa\'n foroaring ondergien hie, wier de raem ek
foroare. Hy wier in skieppehoeder wirden. En nou like
er op syn baes as deiene drip wetter op \'e oare; gjinien
scoe oars sizze as it wier Andries sels.
»Goede frjeun," sei de nije Andries tsjin de nije raem,
»wy habbe omruile , en dou scoest licht net graech mei
my werom gean wolle, ast net yn noed wierste dat de
wolven dy opfrette scoene."
De raem (hwêrom scil ik him nou oars neame , hy is
ommers oars neat ?) — de raem wier bang en folge de
neimakke Andries, mar hy loerde jimmer skean nei de
skieppestök, dy \'t ut syn hannen yn de nije harder sines
oergien wier. Dy sei: »Wês mar net bang ; ik ha foar
my nomd om dy dyn plicht to learen, en ik scil wol
oppasse dat \'k sa net doch lyk ast dou dieste. Ast dou
dy goed haldste scil ik ek goed for dy wêze."
Nou, hwet scoe de raem dwaen ? Hy moast him mar
onder syn trurich lot deljaen. Hwet scoe \'t him holpen
ha, him tsjin de straffe , dy \'t him oerkomd wier, to
forsetten ? Hy koe dat ek net ienris dwaen; hy koe
oars neat as »mae" roppe, en dat wier al in onnoazel
bytsje, oars net ? Nou, sa blettere er ek do \'t er de
skiep en de lammen wer seach , en dy fen hjar kant
bletteren allike lüd fen bliidskip do \'t se him wer seagen.
Do \'t de skiep de jouns yn \'t doarp werom kamen
waerd Andries syn folk der neat fen wys hwet der eigent-
-ocr page 27-
25
lyk mei him bard wier. It kaem hjar wol hwet frjeamd
oan dat hjar soan sa stil en froed en folie ynskikliker
wier, as de moarns do \'t er nei \'t fjild gyng. Syn mem
wist net ho nochlik dat hjar oankaem; hja sei: »Andries
is oars altyd sa finnich er. koartkearich as in kalkoenske
hoanne en non is er sa seaft en dimmen as in laem."
De raem dêr tsjinoer wier yette allike koppich en lilk
en dwers as do \'t er skieppehoeder wier. Do \'t er earst in
bytsje fen syn earste alteraesje bikomd wier, sei er yn
syn skieppetael tsjin syn baes , — dy \'t de ienigste to
wrald wier dy \'t him forstean koe: »Doch meimyhwetst
wotte, mar dit siz ik dy: goedwillich jou \'k my net
onder myn !ot del, it selde hwet der my fen oer-
komme mei."
»Dou scit dy der wol onder deljaen moatte," sei de
hoeder. »En ast dwers biste , den scil ik dy sa lang de
hüd wol terskje datst op \'t lést bigjinst to mienen dat
peaske en pinkster op ien dei komt. — Kenst dat ding
wol ?" — Dêr by halde er him de stok foar de noas.
»0m in hüd fol bruijen jou \'k neat, en hwet scoest
my oars dwaen kinne ?" sei de dwerskop.
»Mienst dat \'k dy oars neat dwaen kin? sei de hoeder
Ik kin dy de hals utsnije en dy slachtsje."
Dêr gyng \'t de raem kald fen oer \'e lea, howol er syn
hele winterpak yet oan hie, en de skeartiid yet net efter
de rêch. Hy sei gjin wird mear , mar bigoun swiet mei
de skiep to gêrskjen. Och, hwet wie er yn syn nij pak
earmelytse. En doch waerd er tige goed en seaft bihan-
nele. Ienkear woe de houn him bite, mar do krige dy
fen de goede Andries hwet mei de stok. Dat foun de
-ocr page 28-
26
raem tige best en goed, nou \'t hy de raem en de raem
skieppehoeder wie.
As er jouns fen \'e heide yn \'t doarp kaem den wier
him faek it paed nei \'t skieppehok forgetten. Ienkear
roan er yn gedachten wei by syn alden yn \'e kus ; faek
bleau er foar de doar stean en blettere trurich; den aike
him faek de iene of de oare de kop of joech him in
stikje brea. Pysonder hinge er oan syn mem ; hy kipe
hjar faek sa nuverich oan, krekt oft er si/.ze woe : >()ch
mem , as jy \'t ris wisten! Kenne jy den jou Andries
net meer V« — Mar ho scoe de tild frou dêr op sinne kinne ?
Kaem Andries de skieppehoeder, den wie \'t hwet oars ,
den praette hja mei him en wier freunlik en goed lyk
as in mem dat altyd is. Dêr stie den de earme raem
by en koe \'t op \'t lest net mear iitstean, mar roun foart
mei de triennen yn \'e eagen.
Ik bin folie ongelokkiger as in skiep , sei er ienkear
tsjin syn baes ; hwent hwet my it slimste pineget, dat
is \'t oantinken oan myn foarige tiid.«
»Dat wol \'k wol leauwe,« sei de hoeder. »Bitink mar
ris host my en de oare skiep wol bruid heste. Wy
earme bisten vieren yn dyn macht en dou hiest gjin hert
for üs en forgeatste datst ek ienkear for God dêr rek-
kenskip fen to dwaen hieste ; hwent wy binne allike goed
syn krejeturen as de minsken."
De raem bigoun yn to sjen dat er for syn grousumens
tsjin de bisten wol straffe fortsjinne hie. Hy sei tsjin Andries:
» Witst ek honear myn strffe ophtilde scil?«
»Aste \'t satier bringe kinste , datst der banger fen biste
wer yn dyn altl kwea to forfallen , ast wer minske wird-
ste, as dêrfor as raem to stearren."
-ocr page 29-
27
»Och heden !c sei er, »dat scil yet in poaske dürje ,
ear \'t ik safolle bettere bin !«
Dyn biskieilenheid en froedena clogge my oan," sei
de hoeder. »Ast oan my stie , dan scoest hjud de dei
yette wer foroare wirde. Mar ik kin dêr neat oan dwaen.
Doch wol ik for dy dwaen hwet ik kin, dêr kinst op oan."
Dat wier goed miend, dat blykte de oare deis do \'t se
wer op \'e heide kamen. Do sei de hoeder: »Dyn heit
sei fen \'e moarn : »Ik wol dy raem net to lang rinne
litte, den wirdt it flesk op \'t lést sa taei dat gjin minske
\'t ite kin. Ik wol him moarn mar slachtsje. Lit him
moarnier mar yn \'t hok bij uwe."
»Hwette!" röp de raem en trille oer al syn lea, »moarn
stjerre, en dat troch de hannen fen myn eigen heit V"
»Wês mar net to fel oerstjür , myn jonge. Ik wit yet
in goede ried for dy. Joun as wy thüs komme , mast
foar de alde op \'e knibbels falie en trije kear tige trurich
bletterje ; licht docht him dat safolle oan dat er dy libje
lit."
De raem die hwet de hoeder him oanret hie. Do se
thüs kamen stie syn heit by de efterdoar; hy gyng earm-
hertich op \'e alde ta , foei op \'e knibbels en blettere trije
kear sa weamoedich , dat it net tobiskrjuwen is.
»Dat is frjemd!" sei de man. »\'k Leau wrachtich dat
dat dier tsjoene kin. Hy het redt dat ik him slachtsje
wol en nou bidt er om syn libben. Nou, ik scil him
yet in poaske rinne litte.«
De oare deis bitanke de raem yn syn skieppetael de
hoeder en do sei dy: »Hwet ik dy nou to sizzen hab
is net folie better as dat fen jister. Jisterjoun nei iten
irege dyn mem my oft ik \'t Wouters Leen yet altyd goed
-ocr page 30-
28
miende. Ik wist net hwet ik dêrop sizze scoe , hwent
dou Lest my noait in wird fen dyn frijerij sein. Ik sei
mar gau: »Nou ja , dat \'s fen sels.«
»Dat hest goed makke,* sei de raem, »ik tankje dy
der for. Ja, ik mien it hjar yette goed en \'t komt my
foar, nou \'k sa lilk en mal net mear bin as \'k west ha,
nou mien ik \'t hjar yette better as tofoare.«
Andries sei: »Dyn mem sei: Leen scoe dy licht net
ha wolle ut freze datst hjar ek bruije scoeste lyk ast de
skiep dochste. Nou hie de ald frou fornomd dat Douwe
Pabes by Leen west hie, en do is se nei hjar ta gien
en het hjar sein, datst dou dy alheel foroare heste en
lang sa lilk en wreed net mear biste ast wol west heste.«
»Den het us mem de wierheid sein sonder \'t sels to
witten,« sei de raem. »Och, myn goede mem! Ik bin
nou ommers mar in earm dier, hoe scoe \'k nou Leen
haegje kinne ?«
»Hwet scil men dêroan dwaen?« sei de hoeder. »Mar
hark ris! der komt my hwet yn \'t sin. Wy moatte to-
gearre nei Leen ta. Den scil ik dy fragen dwaen en dou
mast mei skodholjen en knikken ja of né sizze op myn
fragen. Den scil Leen forwondere stean oer dyn snoadens
en my forsiikje, om hjar dy presint to jaen. Den siz
ik , dat wol \'k wol dwaen, onder bitingst, dat se dy net
forkeapje of weijaen of slachtsje mei. Dat scil hja wol
onthjitte wolle, en ast den hjarres biste scil hja dy ek
wol fragen dwaen en den mast hjar sokke antwirden jaen,
dat se fen Douwe Pabes ou sjucht.«
De raem die fen bliidskip in loftsprong fen wol seis
foet heech, en yet dy selde deis gyng er mei syn hoeder
nei Wouters Leen. Do se by hjar alders hüs oankamen
-ocr page 31-
29
siet hja allinne buten doar. Andries spriek hjar frjünlik
oan en sei: »Leen, ik wit dat us mem mei dy praten
het en dy forhelle, dat ik my tige foroare ha. Dou
scoest lykwol tinke kinne dat dat net wier is, dêrom
kom ik hjir mei dit stomme dier; dêr scitte fêst gjin
wantrouwen op ha. Ik scil him hjir yn dyn bywêzen
freegje, den scil hy antwird jaen en den mast dou mar
witte host oer my tinke wotte!"
De jongfaem seach de raem binijd oan en hja forwon-
dere hjar danich do Andries mei him bigoun to petearjen
lyk as hjir folget:
»Is \'t wier, heite, dat Andries yette koart lyn in
skieppebeul wier, dy \'t faek sonder redende skiep slóech,
de lamkes onbarmhertich bihannele en de raem mannich
kear de hüd toude?
De raem knikte earnstich en oerlangsum, krekt of it
him leed die en seach Leen trurich oan, krekt oft er hjar
for Andries om genade bidde woe.
>Is \'t wier dat er him yn \'e leste tiid alheel foroare
het en nou sa goed is as er tofoare forkeard wie ?"
De raem wachte nauwerneed sa lang as dy frage üt
wie; hy knikte fleurich mei de kop.
»Is \'t wier, dat Andries it Leentsje tige goed mient?"
De raem knikte twakear , dat sizze woe : > Ja ! Ja !"
»Is \'t wier dat hja mei him lokkiger libje scil as mei
in oaren?"
> Ja ! ja !"
»Moat se den sonder langer birie mar gau mei him
trouwe ?"
Né! né !"
Dêrop bigoun Leen to laeitsen.
-ocr page 32-
30
»Wel, dou onnoazel beest!" sei de neimakke Andries,
»Honear moat se den trouwe? Mei seis wike?
»Né!"
»Mei in jier?"
»Né!"
»Dom dier aste biste ! Moat se den dyn tastimming
ouwachtsje -"
»Ja! ja/" wier \'t antwird, en dêr laei safolle utering
yn, dat Leen der suver oars fen waerd. »Bürfeint," sei
se, >ik hab in foarstel. Dou mieuste \'t my goed, seiste;
jou my dêr in biwys fen en forearje my disse raem. Dy
liket tige snoad to wezen; den wol ik him yette ris
allinne om rie freegje."
De hoeder willige hjar forsiik dalik yn , onder bitingst
dat hja it goede dier altyd by hjar halde moast."
»Dat wol ik graech onthjitte", sei Leen , en streake
\'t beest mei de hün oer de foarholle. »Myn best beest,"
sei se, »ik scil tige op dy passé en dou scit net yn \'e
hannen fen in slachter forfalle."
Wyls \'t hja praette makke de raem in deftich kom-
plimint, krekt oft er hjar bitankje woe. Mei ien die
hja in utrop fen kjeltme. It wier net mear de raem dy
\'t hja foar hjar hie, — mar Andries , Andries sels , de
wiere wrachtige Andries.
»Hwêr is de raem?" róp it baer ontstelde fanke.
»Mae!" róp ien efter hjar, en do \'t se omseach stie de
raem dêr, de wiere wrachtige raem.
Andries, dy \'t nou wer wie hwet er tofoare west hie,
mei dit onderskie, dat er nou seaft fen aerd wier, —
fortelde hjar alles hwet him oerkomd wier.
Koart dêrnei halden se brilloft. En Leentsje kaem
-ocr page 33-
31
hjar onthjit nei; hja halde de raem en liet him libje sa
lang dat er syn eigen dead stoar.
Wol immen dat net ljeafst ondergean hwet Andries
ondergean moast, den ried ik him oan, mei \'t onnoazele
fé goed en barmhertich om te gean ; hwent in beest is
Gods krejetuer allike goed as immen sels.
DE ALDFEINT.
Dou hest in bulte minsken sjoen
En ek in hopen leard.
In man fen jild biste en fetsoen,
Dêrom wirdst achte en eard.
En doch dou likest koel en kald;
Dou hest gjin oanhald yn \'e wrald,
Dou hearst gjin minske op ierde ta:
In wyfke moaste ha!
Dou krigest al beskimle hier,
To mük brükst al in bril.
Dou hest to wrald gjin wille en tier,
Dou libbest altyd slil.
Dyn beste tiid is dy ontkomd.
Hwêroni hest net in wyfke nomd?
For dy is \'t bonte libben swart;
Dy treastget gjin trou hert.
Dou bist for alles kald as stier.
My tinkt, dou hest dy sels
Allinne ljeaf, en oars gjin ien :
Mar dyn bigryp rint kwels.
-ocr page 34-
32
Dou tinkst: ik bin myn eigen baes;
Mar bljuwst derby in greate dwaes.
Dou stelst dy foar, de houliksteat
Is kleare lest, oars neat.
Of hest by alle fammen net
Dyn rjucbte hertlap foun ?
Of hest dy al to lang biret,
Of faek in blauke roan?
Of tochst, as ien hwet grappen hie,
Dat dat mar gek-oanstekken wie ?
Of wierst to bang faek as in faem
Dy fljuensk op healwei kaem ?
Of het de dead dy ien ontnomd,
Dy \'t alles wier for dy?
En bist der dêrom noait ta komd
To f rij en wer op ny ?
Bluwt dat dy by ont hjfid de dei ?
En naemst dy dat sa bare nei,
En hest licht dêrom ta dyn ein
De trouwerij forsein ?
De Aldfbint.
It ljeafjend hert dat ik forlear,
Dat \'k noait ontrou befoun,
Dat ik biminde oprjucht en tear,
Leit lang al yn \'e groun.
Do foun ik letter yet ris ien,
Dat, miende \'k, wier in edelstien;
Mar hwet ik oansjoen hie for goud
Wier neat as — rottich hout.
-ocr page 35-
33
Do wier my \'t frjjen glêd forgien.
Ik naem in fêst bislüt:
Nou nim ik ljeaver mar gjin ien ,
Ik skied mei \'t frijen ut.
\'k Wier dêrom yet net kald en koel,
\'k Seach faek in faem dy \'t my bifoel,
Mar \'k draeide dêr myn eagen ou.
Aldfeint bljuwt Ealse nou.
En riedt my imraen: »Nim in wiif!
Dat is doch fierwei best."—
Ik siz: bljuw my mei soks fen \'t liif,
Hwent myn bislüt stiet fêst.
Ik bljuw aldfeint myn b\'bben lang,
Fen trouwen bin \'k as fjiür sa bang.
Gjin frominsk het mear fet op my;
Ik bljuw allinne en frjj.
DE ALDFAEM.
Och hea! nou nimt my nimmen mear;
Ik bin al fjirtich jier.
Myn fel krijt folie fen ald lear
En griis wirdt al myn hier.
Forhinne seach elkien nei my,
Ik wier fen seizen klear.
Mar dat is oer en glêd foaiby ,
Ik ha gjin hope mear.
-ocr page 36-
34
Do krige \'k frijers twa by twa;
Mar al dy dy drokte is dien.
Do woene se allegear my ha,
Nou taelt nei my gjin ien.
Do hie\'k mei mannich feint de gek,
Dy \'t gading makke oan my.
Nou merk ik soms gegek-oanstek
As \'k feinten gean foarby.
Do tilde \'k yette swier oer neat
En \'k tocht om gjin fortriet;
Ik achte my ta folie yn steat;
Ik song it heechste liet.
\'k Wier gnap fen troanje en kreas fen lea,
Mei pronkjen die\'k myn best.
Ik wier de moahte faem fen \'t gea,
Dat leaude\'k sels for fêst.
Dy tiid fen wille en tier is foart ,
Dy skoane jonge tiid.
Nou is gjin sjongen my om \'t hert;
Ik bin mar selde bliid.
Ik ha wol trouwe kind, mar fij !
Ik ha to keken west.
O, fammen! nim in les oan my:
It ein dat draecht de lést.
Och ljeave ginst! hwa leaude \'t do,
Dat al myn fleur en tier
Sa mar onnut for wy Ij e scoe ;
Dat ik sa moai en blier,
-ocr page 37-
35
Foarby scoe reitse fen in man ,
Wyls\'t mannich lilk postjür
Ien krijt ? Safolle wit men fan
Dat rêd fen aventür.
WIRK FORGEES.
»Och heargen ! dit giet al to grou,\'\'
Sei Baeije , in krepe boargerfrou,
Tsjin Lys, hjar nije faem ;
»Dou skütelwaskest ommers net;
Dou hest it spil der hinne set
Sa \'t fen \'e tafel kaem.
»Dit roait nou ommers nearne nei!
Ik tochte, sonder dat \'k it sei,
Datst dat stilswij end dieste.
Dou neamst non al it wirk wer dien:
Mar gau dy smoarge pannen skiën,
Earst nochlik sitten gieste."—
Mar Lysbet sei; »Och hea noch ta!
Hwet ha je in sok. Ik tochte sa:
Dat hóefde net altiten.
Neam\' jy dy pannen smoarrich , frou ?
Dat sizzen is to raer fen jo;
Ha wy den smoargens iten?"—
-ocr page 38-
36
SANGKJE
Om to sjongen by in Hidriders-pret.
Wizb : Mijn Victoria. Of: \'t Is fen Adam
Kom Friezen ! jou de winter eare ,
Wy krije nou wer nije moed.
Hy mocht üs faek de rêch takeare,
Nou mient er \'t wer ris tige goed.
Wy kinne wer üs skonken reppe ,
Der lizze balken onder \'t iis.
Lit elk nou mar om hirdens skreppe,
Ut kriich of om in earepriis.
Ja, de riderij, Ja , de riderij
Op \'e fryske trant forearje wy.
Ja , de riderij, Ja , de riderij
Op it frysk forearje wy.
It riden is de rom der Friezen;
De namme dy \'t hjir jimmer hie,
Dy moat it nintertiid forlieze.
Wy steure üs net oan frjemde lie.
Wy halde net fen hjar krewellen ,
Wy ride nei üs lansmenear
Yn streken fen twa, trije jellen
En dêryn stelle wy in ear.
Ja , de riderij, enz.
De riders dy \'t hjir prizen winne ,
Dy binne yette lang net min ;
Dy \'t hjar biskamme meitse kinne,
Dy libje er, och, sa bare tin.
;
-ocr page 39-
37
Wy sjugge \'t nou wer alle dagen,
De fryske riders binn\' hwet mans.
Op sokke mannen rom to dragen,
Dat kin der sikerwier wol lans.
Ja, de riderij , Ja, de riderij
Op \'e fryske trant forearje wy.
Ja, de riderij , Ja, de riderij
Op it frysk forearje wy.
SANGKJE FOR IN KEATSFEEST.
Wize : DoH pake yet jeint wier en beppe yet faem.
Wy ha wer in keatsfeest op \'e alde menear,
Nou sjonge wy bliid ta de keatsers hjar ear.
Hja makken it hjüd
Sa nuvere goed;
It keatsen forfait net, ha dêroer gjin noed.
De balllen dy fleagen, it wier alheel swiid;
De keatsers dy skripten, \'t wie suver in striid.
Nou , as men dat sjucht,
Dat is doch in nocht.
In kinstener is \'t dy \'t it keatsen sa docht.
Ja, Fryslan het keatsers , dy kinne er hwet mei,
En de aldfryske dregens is yette net wei.
Dat stiet üs wol oan ,
Dat haget üs skoan,
Dat seit lis, it folk is yet lang net bidoarn.
Nou sjonge wy: Mannen fen ear en fen rom!
Kom takomm\' jier, as jimme kinne, werom.
Jim dogge \'t sa goed,
O , mannen fol moed !
Bljuw soun en bljuw kreftich altyd lyk as hjüd.
-ocr page 40-
38
HO \'T IN DROOM NEIKAEM.
Yn \'tlytse hüske wennen
Baes Jodzert en Tryn Sur.
Baes Jodzert stie foar \'t finster
En Nynke stie by \'t fjür.
Baes Jodzert smoakte in pypke
En Nynke rearde brij.
Hy sei: »Ik gean to fiskjen."
En hja röp üt: »0 fij !"
»Ja," sei er, »\'k wol ris fiskje." —
»Och Heare!" röp hja wer.
En do sei baes: »Hwet skeelt dy?
Hest hinder hjir of dêr ?" —
»Né," sei se, »raar \'k wol leauwe,
Dat dit forkeard bislacht;
Ik hab oer dy sa bjuster
En aeklik droomd fennacht.
»Ik seach twa freamde manljue ,
Dy brochten my myn man
For dea hjir yn \'e keamer.
Dêr skrilde \'k wekker fan.
Do hearde \'k hounen gülen
En oare tsjirmerij.
Ik bin net bygelovich;
Mar bljuw hjüd thiïs by my !"
— »Dou bist net bygelovich ,
Mar scoeste \'t wirde frou ,"
Sei baes , > as ik dyn syn die,
En dêrom gean ik nou.
-ocr page 41-
39
»\'t Is hearlik waer to fiskjen ;
Hwa wit ho \'t bite wol!
\'k Wol leauwe , ik kom mei \'n ure
Wer thüs mei \'n netsjefol." —
En baes gyng mei syn angel
Der ut en sei: »Goe moarn !"
Tryn koe net prate en seach him
Mismoedich efteroan.
\'tWaerd iterstiid ; \'twaerd jountiid ,
Mar baes kaem net werom.
Tryn wier yn tüzen noeden ;
Hja hie \'t mar lang net rom.
Hja roan troch \'t hüs to skriemen,
»Och , hie er my mar leaun !
Nou is er grif fordronken,
Oars wie \'r sa lang net bleaun." —•
Hja heart hwet op \'e strjitte.
»Dêr is er , leau \'k," sei Tryn.
Twa manljue kamen laeitsjend
By hjar de keamer yn.
»Joun frou ! hjir ha je \'n soadtsje.
It stiet mei Jodzert min;
Hy is sa dronken, dat er
Gjin foet forsette kin." —
Hja smieten him der hinne
En gyngen do hjar wei.
En Nynke röp : »Och , Heare!
Sa komt myn droomjen nei." —
-ocr page 42-
Y n h é, 1 d :
Oer onmakke Prouljue........
Earlik krige...........
Myn lytse Frjeun..........
Dat is bryk !...........
Dominy Divel...........
De Aldwive-Mounle.........
In lokkich Houlik.........
Efkes mis............
De grousumme Skieppehoeder.....
De Aldfeint............
De Aldfaem ...........
Wirk forgees...........
Sangkje om to sjongen by in Hkdriders-pret
Sangkje for in Keatsf\'eest.......
Ho\'t in Droom neikaem.......