-ocr page 1-
ff) ft) O / Oi //£              Jb-0. r. b
OF
■> JUk sjongt syn liet. <
STIKJES FEN
II. van WARNERS, C. WIELSMA, J. II0RNST1U en E. ZWART,
SKOALLEMASTERS TO
Arum, Grouw, Friens en Wartena.
-ocr page 2-
-ocr page 3-
\' , r. 6 *
OF
Elk s jongt syn liet.
Stikjes fen
H. van WARNERS, G. WIELSMA, J. HORNSTRA en E. ZWART,
SKOALLEMASTERS
TO
Arum, Grouw, Friens en Wartena.
—o«vo-0-<HO* ^OC»«
Utjown troch
R. VAN DER VELDE,
TO LJOÜWERT.
1898.
-ocr page 4-
-ocr page 5-
Nommele Friezen!
„As de earste bonte flinters flodderje fen blom op
blom, en de earste ljurken sjonge, wirdt it bernehert
sa rom." Sa gyng it al fier foar \'e tiid, dat dokter
Eeltsje as lytse boi sa graech op \'e Grouster terp boartte.
„As de lytse foarjiersblomkes wrotte troch it griene
krüd, rölje, truzl\'je bja sa jolicli, hoallefoalje hja sa
lüd." Dan ha de bern wille. It bliuwt mar wier: in bern
bat in sin as in bern, it praet as in bern, it docht as
in bern. Mei syn berneaerd, syn bernetinzen fielt it him
thiis yn \'e bernewrald. Ja, in folwoechsen minske en
in bern binne twa. Dat moat elts yn \'e kikert halde,
dy mei bern to dwaen hat. Dêr moat ek elts om tinke,
dy hwet skriuwt, printet, utjout for de bern.
Der wirdt bygelyks wol eris klage, dat de fryske
bern sa\'n bytsje piele mei it lézen fen stikjes, dy yn
lis memmetael skreaun binne.
Mar meije wy de bern dat wite? Hwet moatte de
bern dan léze ? Wy witte wol, der binne forskate stik-
jes by enoar to swyljen, dy de bern bigripe kinne en
dy teffens yn hjar smaek falie. Sa koe min grif in
kreas boekje for de jonge Friezen gearstalle. Ja, dat
koe. Mar oan dizzè tiid ta is der net folie wirk fen makke.
Derom binne wy sa driest west. om in mannich stikjes
for it jongfolts by enoar to kwatteljen. As ds wirk
nou mar net al to min bislein is. Hwent siker, \'t is lang
net maklik om yn in berneboekje it rjucbte snaerke to
treffen. Folie gauer koe min hwet ré meitsje for ljue,
dy wol ut \'e berneskoen stapt binne, mar iy faek yet
tige bernaftich, ja, licht yn hjar bernskens lykje.
Wy habbe üs best dien, om de bern op to siikjen yn
\'e bernewrald, yn it bernelibben. As we nou mar sonne
bernekost opdisse, dan scille de jonges en famkes wol
yn \'e smaek reitsje.
Dan komme hja wol op \'e gleed mei \'t lézen fen hjar
eigen tael. En as se dan greater, mar net to great,
wizer, mar net to wiis wirde, scille se mei de tiid wol
-ocr page 6-
oanfalle op pittiger, dreger kost, as itjinge wy hjir
oanbiede. Dêr moat it hinne.
Hjir en dêr binne sangwizen by üs stikjes oanjown.
Ja, wy binne dêr sels wol in dripke to rynsk mei west.
Wy wolle jerne tastimme, dat it iene stikje him better
for sang iient as \'t oare. Sa wie de skriuwer ek net
fen doel, om mei „It Klompskip" in sankje to bringen.
Dy it lapt het, om er in wize yn to stopjen, moat mar
witte, hwet er die.
Nou, bern, wy hoopje tige, dat jimme üs boekje wol
ljje meije. \'t Is in bytsje opkrease mei priuwkes fen
fjouwer alde stanfriezen, oan hwa üs Fryske tael o sa
folie to tankjen het.
Ien fen hjarren hat sein: „Dy net fen it lan haldt,
dêr er widze is, dy binne de beanne üt it wetter to goed."
Fryske bern, unthald dizze wirden. Hald jimmer
hert for \'t heitelün en for de memmetael. Jimme binne
j-et net folwoechsen.
Mar as jimme letter de hichte ha, dog dan gjin
war, om greater to lykjen, as jimme binne.
Groei op ta drege Friezen, „ienfaldich, sonder wj-n
en blast, — rjuchtüt en plat."
De Skriuwers.
-ocr page 7-
I. Ut de „Bilde Bernkes"
f en E. HALBERTSMA.
Wize: lt famke en hjar blommen.
No. 14 fat „iJoaitw mei r/r Noardske Balke."
Ploaits de blommen, dy dêr bloeije.
Bernkes! ploaits de blommen yet,
Sa! now laitsje, en sjonge en djoeije.
Kar \'t de gouden tiid forgiet.
Hark it süzjen trocli \'e struinen
Feu de seafte westewyn,
Oer de griene Fryske lannen,
Snuef hjar friske loften ,vn.
Hark it Ijeave ljurkje sjongen;
Hark! dj- sjongt wer ta Gods ear.
Mear as tüzen falske tongen
Klinkt dy lof for d\' Opperhear.
Sjen it blinken ten it niarke;
Sjoch! de weaclijes dounsje wei.
Sjoch de swan, ho dat er farket;
\'t Bolle wynke nimt liim mei.
Yn de wite liagedoarne,
Dy sa f\'risk to bloeijen stiet,
Sjongt wer yn de iere moarne
\'t Flugge linkje in aerdich liet.
Hark ris, ho dy ekster skattert
Yn de hege eskenbeam;
\'t Finke yn it wetter plattert
Mei syn Ijeave piketeam.
Sjen de hege wolken drimven
Yn forgoiikelike pracht,
-ocr page 8-
2
Sjen de sinne liearlik kliuwen,
Gi\'eate boade fen Gods macht.
Hark it beuzich bijke brommen,
Flinters donnsje yn pronkgewaad
Oer de millijoenen blommen,
Dy Gods han oer \'t ierdryk spraet.
Ploaits de blomkes, dy dêr bloeije,
Bernkes, ploaits de blomkes yet,
Kar \'t de tsjerkhófsblommen groeije,
En dy gouden tiid forgiet.
^B£^
-ocr page 9-
3
II. Simmermoarn
fen WALING DYKSTEA.
WlZB: Sjuch No. 21 fen Doaitse.
Hwet bist dou Ijeafiik,
Riizjeude simmermoarn!
\'t Opgeande sintsje
Laket niy oan.
\'t Hoantsje kraeit kukelü,
\'t Douke ropt roekoekoe.
Ik wol ek sjonge,
Fleurich fen toan.
Alles, hwet libbet,
Docht er nou sines by:
Föltsjes en kealtsjes,
Hynsders en kij.
Goeskes dy snetterje,
Skiepkes dy bletterje.
Lamkes dy springe,
Nu ver e blij.
\'t Ljurkje yn \'e wolken,
Eintsjes yn \'t lizich wiet,
Moskjes en swealtsjes
Elk sjongt syn liet.
Eabarren klapperje,
Ljeapkes wjukwapperje.
Skries op \'e liikke
Eopt grito griet.
\'k Woe for gjin goune,
Dat \'k yet to sliepen laei.
\'t Is my sa nochlik
Ier op \'e dei.
Protters dy tsjotterje,
Eksters dy skatterje,
Alles is fleurich,
Ik bin it mei.
-ocr page 10-
4
III. Mem en de Famkes
fen H. vak WARNERS.
WlZE: De schoonste tijd (/en levens. Zany vogeltjes V. No. 7.
Mem sjocht in kliber famkes,
Mei wille by de rus,
Dy boartsje, soun en neurich,
Ticbtby en foar üs hfis.
Dêv hat dy keppel famkes
It drok mei tik en honk.
Hja skreppe sa füleindich,
Net ien stiet dêr to pronk.
Mem tinkt: „Dat binne famkes
Licht fen sa\'n jier of tsien."
Hja seit: „Mei koarte jierren,
Dan is dat boartsjen dien."
En derom moat sa\'n famke
Nou tiid ta boartsjen ha.
Dat komt dy jonge blommen.
Dat komt sa\'n bern wol ta.
Wylst mem sa stiet to myin\'rjen
Én nei dat boartsjen sjocht,
Seit mem: „dy bliide bernkes,
Hwet ha se dêr in nocht.
En by sa\'n boartlik stikje,
Sjocht mem ynblier en bliid.
Hja tinkt, dat kin net misse,
Grif oan hjar bernetiid.
Wy famkes binne warber,
Wy skreppe mear as fül;
Nou wirdt er lêstslach boarte
En dan wer pypkeskül.
Dan giet it op in hinkjen,
Of \'t hintsje wirdt bïlein.
Dan bikk\'lje wy sa\'n toarntsje.
Sa komt er hast gjin ein.
-ocr page 11-
T* dan de greate govert
\'Ris raoai oan \'t draeien bleaan,
Dan wirdt er fen de famkes
In lange keatting reaun.
Mem heart it Alde sangkje.
Sa fleurich en sa swiet:
De tried giet troch \'e nidle.
De nidle troch \'e tried.
Mem stiet sa stil en digert
Mar nei dy bernewrald
En seit: „Koe \'k yet\'ris meidwaen.
Mar \'k bin nou Invet to Aid."
Hja scoe sa for in hoartsje
Graech d\' alde tiid wei\' ha.
Dat liket ïis. as famkes,
Dan jamk sa nuver la.
TW^S
-ocr page 12-
I)
IV. Sinteklaes-sankje
fen C. WIELSMA.
WlZE: Winteravond (Ernst en scherts fen G. J. Vos. No. 15.)
of: De molenaar sprak, En tuurde zoo strak.
\'k Wit ien dei yn \'t jier,
Dy wint it sa fier, —
Alteast nei it sin fen de raeaste bern, —
Fen Snein en fen Snjeun;
Hwent dan komt in frjeon,
Mei lekkers, kast mear as hy drage kin.
Hy reisget by nacht.
Misskien dat de wacht
Him faek, as wy sliepten, wol riden seach,
Wol seach, ho\'r to peart,
Mei hirddraversfeart
Fen skoarstien op skoarstien troch Fryslan teach.
Syn steek en syn tas,
De Mis fen syn jas
En dan yet in baelsek. dy\'r by him het,
Dêr is mai\'sepyn
En sukergüd yn
En boartersgüd, bern! dat begrypst\' sa net.
Syn hynder yt hea
Noch hjouwer, noch brea,
Mar piperm\'itsdaei en ek taei, as \'t brekt.
En sa wirdt it dier
Dan danige tier.
In lekkerbek is \'t, op en üt, dat sprekt.
Slacht Sintom dyn koer,
In \'t reisgjen sims oer,
Tink dan mar for fêst, dat er \'t ien of oar
Yn skoalle is of thiis,
Net suver, net plus,
Hwent leau my, de baes het in fyn gehoar.
-ocr page 13-
7
De winsk, dat syn wei
Oer \'t hïis liede mei,
Is idel for koppige loaije bern.
Derom, doch dyn plicht
Oars scoe min dy licht,
As oaren blier laeitsje, sims skriemen sjen.
-^5^j^5*
-ocr page 14-
s
V. Fekansjesang
fen H. van WARNERS.
Wi/K: Onze l)iiiii<>>t: ZamjDoydtjes IV. No. I.\'i.
Jonges! \'t is fekansje, Fjirtsien dagen frij!
Is dat nou gjin kluisje Buter yn \'e brij ?
Fjirtsien dagen boartsje, Tink ris. hwet in skoft!
Frij, krekt as de fiïgels Yn de frije loft.
Nou mar fleurich ftskje Yn \'e djippe feart,
Fier en linich ljeppe Oer sa\'n wide sleat,
Drok oan \'t hazzejeijen, Doarmje fier fen hüs.
Dan wer skipkesile; Wille by de rus.
Sjoch! yn sa\'n fekansje, Frij fen skoallewirk,
Spring ik as de lamkes, Sjong ik tsjin de Ijurk.
Mar \'k ha twiskenbeiden Ek myn drokte wol.
\'k Hab in hopen tiden Fiks de kannen fol.
\'k Ha sels, faek en folie Fry hwet tiid to min.
\'k Moat nou nedich timm\'r je Komt my krekt yn \'t sin.
Al myn spillen freegje Hird om underhald,
\'t Tene ding giet stikken, \'t Oare wirdt al ald.
Earst myn mês hwet slypje, Hwent dat is to stomp.
Dan in séskip bouwe Fen in greate klomp;
Dan in doarke meitsje Foar \'t keninehok;
En dan krij\'k ek drokte Mei myn angelstok.
.Ta^ sa\'n fjirtsien dagen Liket gans in hoart, \'
Mar ik mei wol skreppe, \'k Sjit oars tiid to koart
Fjirtsien lange dagen, \'t Hiet nou wakker rom
Mar, ear dat wy \'t tinke Is de tiid al om.
\'k Moat seit mem, net prott\'lje, Dat de tiid sa fijucht.
Jout it boartsjen wille, \'t Dearen jout ek nocht.
\'k Seil üs mem mar leauwe, Hwent hja mient it goed.
En, fensels, skielk lear ik Wer mei nije moed.
-ocr page 15-
(I
VI. Ljepperssankje
fen (\'. WIELSMA.
WlZE: Me.lregen\'. Wil je niet liever naar binnen r/aa
Makkers, it Ijeaiiïke foarjier komt;
\'k Fiel my sa iieurich en bliid.
Hastich de pols op it skonder nomd!
Nou is \'t for ljeppen de tiid.
Jonges, do \'t ik yet sa\'n streupert wie.
Ha \'k oer in greppel it leard;
Do \'k er in bytsje de slach fen hie,
Ljept\' ik al gau oer in sleat.
Hwa giet straks mei nei üs iinne ta.
Tichte by \'t hiem is in plak
Dêr kinn\' we \'n kost\'like tsjinne ha.
\'t Is dêr sa heech en sa flak.
Dy \'t yn \'e bürren to pochen laei.
Foei faek yn \'t lan troch \'e koer.
Siz nou, hwa docht my straks alles nei?
Hwa doar stilstantsjes er oer?
Ljeppen der wirde wy sterker fan.
En \'t jout iis nocht by de rus.
Fangt ien in snoek, dan bringt alleman
Him mei \'n hoeraetsje nei luïs.
^7W\\^
-ocr page 16-
11)
VIL In Snoek
ion E. ZWART.
Wize : Zie No. 17. (Hannoniumvriend. IV.)
Hessel wol spiïnge, mar hat it net leard,
Stiet mei de pols op \'e kant fen \'e sleat.
Hessel. o Hessel. it jont dy fortriet.
Wist it net. heite, it wetter is wiet.
Hessel, wost ljeppe, nou ljep dan ek ta.
Doarste net stimper, — in pop mqatste ha.
Der kinst\' mei boartsje, — in pols past dy neat.
„Fij, hwet in lettert!" sa ropt greate Tsjeard.
Soks hjir to hearen, fait Hessel sa swier.
„Och." seit er brimstich, ,,och hea, mei plesier
Spring ik oer \'t sleatsje, dat is my nou neat.
Mar dizze tsjinne, dy is my to great."
„O." andert Tsjeard wer, „kom hjir dan by mij,
Hjir ha \'k in tsjinne, dy past krekt for dij."
Hessel, dy Tsjeard lukt dy grif yn \'e hoed.
Koart binn\' dyn skonkjes, —beried dy dochs goed.
Hessel springt ta, mar it komt al forkeard.
Draeit oer de wjuk en ploft del yn \'e sleat.
„O. hwet in snoek komt hjir by i\'is in \'t slyk!"
Roppe de kikkerts en spylje de wyk.
Tsjeard, ja, dy doagneat, hat nou krekt syn sin.
Boarst ut fen laeitsjen, sa lfid as er kin.
Lykwols, by al syn gelaeits en gegei
Lukt er de snoek i\'it it sleatsje wer wei.
Hessel, o Hessel, dêr stietst nou trochwiet,
Onder de modder. Och, hwet in fortriet.
Hessel syn maten dy driuwe liim foart.
Lüd wirdt ei\' songen, en mem ... sjocht straks prót.
-ocr page 17-
11
VIII. Reedriderssaiigkje
fen J. HORNSTRA.
WlZE : Wie wil onder de soldaten ?
Jonges, to, mar hird nei d\' iisbaen,
O, hwet hearlik waer is \'t lijoed.
Nou op d\' iiz\'ren wjakken driuwe,
\'t Jowt üs noclit, it docht üs goed.
Kom, dêr binn\' w\' al op it iis;
Hwa sjocht nou yet kald en gras?
Sa\'n ien kinn\' wy hjir net ha;
Dy moat nei de kachel ta.
Nimmen is bjir klomsk en kald.
Dat heart thüs by siik en Aid.
Sjoch dy drege maet \'ris riden,
Dalik woe \'k in goune jaen.
As ik ek sa\'n earste baes wier
Winters op \'e glêdde baen,
En hwa is dêr yn \'e skrep?
Hen ! dy poarre rydt al tsjep;
Fij. dêr fait er, \'t is in griis;
Sjoch \'ris oan: in stjer yn \'t iis.
Lytse streupert fielt it wol,
Mar hy haldt mei riden fol.
„Waerme mólke, lekk\'i\'e koeke!"
Wirdt er roppen yn dy tint.
Krimmel! hwet in drokke nearing;
Elts forsnobbet grif in sint.
Louw moat nou syn sint ek ha
For de baen, — dy komt him ta.
„Is dyn ark rampoai," seit Louw,
Siz it mar, dan ha \'k wol ton."
Faek helpt hy iis i\'it \'e need,
Kreas en kras wer op \'e gleed.
-ocr page 18-
\\2
IX. lt Swealtsje
fen Cl. WTELSMA.
Ljeaf swealtje, \'k woe sa graech \'ris witte.
Hwêrstou, as \'t kald wirdt, hinne fljochtst,
En hwest\' dêr yn \'e frjemdte sjoclitst,
Ljeaf swealtsje, wolst\' niy hearre litte,
Hwerom ast\' sokke reizen dochtst ?
Myn bern, scoe \'k alles o]j dyn frage
Dy sizze. Invet \'k fortelle kin,
Fen Invet er oeral is to sjen,
Hwèr my myn wjukken lünne drage,
Fen myn forhael wier d\' ein forlern.
Mar dit meist\' witte, boi! — Fortel it
Ek mar oan al dyn maten oer, —
In fügeltsje fynt stees syn foer,
As hy \'t mei warber fleanen bellet,
En \'t smakket swieter, wint min \'t sur.
It jonkje frege: „Scoe \'t de minsken
Ek krekt lyk as de fügels gean?
Ho moat min dit forhael forstean V
„Wêz warber! \'t Giet licht nei dyn winsken."
Sei \'t swealtsje. — Boi seach al Invet skean.
-ocr page 19-
VA
X. Memiue Biiicliterlitin
ten H. van WARNERS.
Wizk: „Vrede.\'" klonk het door de straten.
Sijke, jimmer by de pinken,
En mar amper fjirtsien jier,
Sijke wond\'re tluch en helder,
Sij, sa skrander, moarns al ier,
Sij, sa bjust\'re kras en lummel,
Sij, sa sind\'lik as de bran,
Is for mem sa\'n steun, sa\'n stipe,
Is for mem de riuchterhan.
Leau mar frij, yn folie dingen
Is dy Sijke lang net min,
Skütelwaskje, hüsoanfeije,
Docht hja tige kreas en skjin,
Eu hja docht it wirk wol eptich,
Net to rimpen, net to rucb,
Mar it wirdt gjin tiidformoesjen,
\'t Wirdt gjin kliemen, sleau en slftcli.
Sijke, jimmer like rèddich,
Pakt mar oan, sa\'n hiele dei.
Sijke. nuv\'re flink en aandien,
Helpt hjar mem al wakker mei.
Grif\' sa beusich as in holder,
Like warber as in bij,
Hat hjar mem, yn alle drokte,
Dan in riuchterhan oan Sij.
Sij hat nea sa folie wille,
Nea sa\'n skik as eltse Snjeun,
Hwent dan wirdt er skrept en heistre,
Spield en skrobbe, poetst en wreaun.
Jow hjar ek hwet fammeridskip.
Mei dat ark is Sijke klear:
Feger, boarstel, amer, skrobber,
Bjinder, biezem, dweil en lear.
-ocr page 20-
H
Breidsjen, stopjen, sonder brodd\'ljen.
Al sok wirk is Sijke neat,
Naeijen, sonder mal to pongjen,
Hat hja nou al aerdick leard,
Mar lija kriget ujunkenlytsen
Alles better foar \'t forstan,
En sa wirdt dy selde Sijke
Mear yet memme riuchterhan.
Ja, nou tinkt sa\'n foege jonge.
En, op \'t slimst, hy seit it ek,
Dat ik mar hwet al to folie,
Al to bot ten Sijke sprek
Hark \'ris feintsje, sokke Sijkes
Ken \'k sa folie yn lis lan,
Al dy kriig\'le famkes binne
Graech for mem de riuchterhan.
-ocr page 21-
15
XI. Us Beppe,
feu C WIELSMA.
Wize : In \'zestien luid Lord Exmoufh\'s vloot.
Us beppe wennet oan \'e dyk,
In heal ketier fen bürren.
As ik er kom, dan is \'t: „Ei soa,
Wier boi der wer to skoerren,
To heisterjen en oan to gean?"
Ik ba \'t oars goed by beppe stean.
Us alde ljeave beppe sit
Meast yn hjar stoel to breidsjen.
Hja seit: „Aston lijir koniste feint!
Om alles oer to eidsjen.
Dan is myn toffel ré!" Mar sjoch,
Der laeits ik om en — boartsje trocb.
Yn beppe hof dèr groeit de romt\'
Fen apels, prommen, parren.
Us heit dy plichtte dêr, as bern,
Wol tige by to farren.
Ik lykje üs heit. ik dwaen him nei,
En — far er goed by simmerdei.
En winters, dan is \'t Sinteklaes,
De tiid om op to setten.
Myn koer by beppe bringe, nou,
Dat ha \'k yet noait forgetten.
Is d\' oare moarns it koerke ibun,
Dan spring ik twa foet fen \'e grouu.
\'t Het okkerdeis myn jierdei west;
Nei skoall\'tiid bin\'k allinne
De dyk ütstapt, nei beppe ta.
Ik kaem er ryk fendinne:
Op beide earmen boun, dat wie
In sjou, der \'k hiel wol nocht oan hie.
-ocr page 22-
16
In püdfol koekjes hjir — en dèr
In boek mei moaije printsjes.
Dat wier biwoelle, hiel en dal.
Mei reade en blauwe lintsjes.
Ik lake blier, — hja tute mij
Kn skrieinde do. — Dat die niy nij.
-ocr page 23-
17
XII. Myn Wouter
fen H. van WARNERS.
Wize : Hoort kind\'ren! wat een klaar geluid.
Uit Kindeiieven: Woorden van Heije.
Ik seach by bürman okkerdeis
\'Ris lamkes, — wol sa\'n stik of seis,
En teffens ien, dat blett\'re sa.
Ik tocht: „It scil wol honger ha."
Dat roan sa pur allinne
Dêr efter yn \'e flnne.
\'t Aid skiep hie mar gjin drip forlet
Fen \'t lamke. — Soks bigriep ik net.
Dat skiep wie fêst in raren ien.
It wie mei d\' oare bern sa grien,
Mar \'t mocht dit bern net lije,
Sa\'n stakker, ien fen trije.
En do dat lytse, trêdde laem
Op \'t lést in bytsje neier kaem,
Do krige it fen syn mem in homp,
En nou en dan in stjit of stomp.
Fiji ho \'t my dat begreatte,
Dat kin \'k net ien betsjntte.
It moed dat waerd my siker fol.
Ik skriemde. Bürman seach it wol.
Hy frege: „Giet it dy sa nei?
Nou, nim dan \'t earme beest mar mei.
Ik jow\'t presint oan \'t famke.
Pas nou mar goed op \'t lamke.
Fensels, dat wie gjin dove sein.
Ik makke do mar hird in ein
Oan \'t lijen fen it earme dier.
It roan ek wrychtich al to fler.
Ik naem myn lamke ringen
Om \'t handich thüs to bringen.
-ocr page 24-
18
Nou woe\'k myn gast in namme jaen.
Dat tocht ik alderearst to dwaen,
Omdat ik him dan roppe koe.
Do sei myn mem sa: „Nou, ik scoe
Gjin better namme witte,
Don moast him Wouter niette."
Nou drinkt er malke, fleskes fol!
En Wouter groeit, dat sjoch ik wol,
En o, myn Wouter kin my sa!
Hy wit, hy moat fen my it ha.
Myn lytse Wouter stjitte,
Dat seil nou elts wol litte.
-ocr page 25-
19
XIII. Us Bijke
fen C. WIELSMA.
Wize : Daar was reis zekere Goliath, uit: Bartels III. Nu. 1.
Us ljeave lytse Bijke
Dj\' gnoarret hwet en bromt,
As baes in ameryke
To let fen bürren komt.
Dat baes it sims drok boartsjeu het.
Begrypt er net.
Ik leau, fekansje makket
Him blider yet as mn\\
Den tinkt er fêst, dy stakkert:
„Myn lytse baes is frjj."
En as ik wer nei skoalle moat.
Dan sjocht er swart.
\'t Hiem op en del to jeijen,
Togearre en dan om \'t hirdst,
Der skynt er oer to meijen,
Dan keft er, \'t is in lust.
Mar ho \'t er bromt en blaft en beart,
Hy docht yen neat.
Sims kin er nu ver boartsje:
Hy róllet oer \'e groun,
Of mealt ek wol in hoartsje
Hast as in top yn \'t roun,
Of, om de nocht, lit hy de bern.
De tosken sjen.
Mar op de katten het er
It grou en dy? Nou tink!
Dy fljogge sims troch \'t wetter,
As Bijke seit: „Hjir bin \'k!"
Hja kladd\'rje ek wol yn in feech
Hwa wit ho heech.
-ocr page 26-
20
Us Bijke is knap, to sizzen:
„Sit op!" of poatsjes jaen,
In skoft foar dea to lizzen,
Dat kin er linich dwaen.
„Forlern! Siikje op!" dat\'s yetalslim.
Mar, \'k lear it him.
Us Bijke is snoad, ja wonder
Mei \'t niette, ko \'t er leart,
Sa\'n houn, seit heit, dy onder
De minsken stees forkeart,
Wirdt op it lést hast minske mei,
Op \'t praten nei.
-=5^5
-ocr page 27-
■21
XIV. Yn \'e Snie
fen E. SWART.
Wize .- Het Pentielikkerslied,
of: De boer is ivel een flinke man. Bartels IV. No. 6.
of: De Spanjaard zoekt met heel zijn vloot. Bartels IV. No. 7.
O, jonges, sjoch \'ris üt \'e hüs!
\'t Is allegearre suie;
Nou ha wy wille by de rus;
\'k Woe, dat it faek sa wie.
Kom, jonges, meitsje dochs hwet oan,
Hwent sjoch \'ris: lytse Pier
Eu Japik, Klaes en Jan en Toan
Ha dêr in bult plesier.
En Hindrik fljucht nou buten doar,
En Piter rint him nei.
Hja dounsje loftich troch elkoar
En rolje oer de wei.
Mar dat is neat: hja steane al wer;
Hja laitsje lüd en blij,
En Hindrik seit tsjin Piter: „Dêr!!
Dêr hast hwet moais fen mij."
Hy pakt in hanfol droege snie
En rost us Piter yn.
De stimper wit him sels gjin rie:
Hy is sa goed as blyn.
Al d\' oare jonges komme nou.
En dogge fül hjar best;
Elts fjurret tige fen him ou,
En gint him hast gjin rest.
„To jonges! wês net bang: de slach
By Waterloo ha wy.
Myn alde busdoek is de flach.
To, fjuchtsje jimme frij!
Kom, Blucher, hjir! To Wellington!
-ocr page 28-
•>•>
De fijan wykt, hoera!
Wy jeije dy Napoléon
Nei Sint-Helena ta.
Min kampt mei moed, mei krêft en fjiïr;
De striid nimt hast gjin ein;
Mar dochs - de fijan jowt bim oer,
De Fransman is forslein.
Nou, \'t waerd ek tiid, liwent j onges, hear,
De skoalleklok liat slein.
Nei skoall\'tiid komt de wille wer.
Mar nou oan \'t learen tein.
-ocr page 29-
23
XY. Rein en syn Klompskip
fen C. WIELSMA.
Wize : Nei rein komt sinneskyn (Noardske Balke, No. 29.)
It kap briek fen i\'is heite klomp.
Dat spiet my neat. Ik sei: „Nou sci\'k
Myn best \'ris dwaeD. Ik meits in brik!"
Myn poepeknyft wier fjirst\' to stomp,
Mar \'k liende, — do wie \'t spil yn \'e es, —
Us memme jirpelskyldersmês.
Mar \'t waerd gjin brik. In Fryske tsjalk
Is \'t wirden en sa hecht, — gjin sier
Koe\'r sterker wêze, sels al wie\'r
Opmits\'le yn cemint en kalk.
Er stiet in tüchje op, moaijer het
Grif d\' aldermoaiste boeijer net.
Mar hwet my dochs sa heislik spyt?
Dat ik er net yn sitte kin.
Hwent dan koene alle skippers sjen,
Dat \'k ten hjar wirk al aerdich wyt,
Licht sei dat folts: „Dat is er ien,
Dy hat dat wirk wol earder dien."
Dêr giet myn tsjalkje, jonges, sjoch!
Hwet sylt er snidich by de wyn;
Pas op, er sit wol farren yn;
Yet krapper? — Ja! — Der leit er troch,
En ast him nou net lilk bisnijt,
Dan leau \'k wol, dat er \'t hoekje krjjt.
Hy set op \'t holle wetter ta,
En dounset fleur ich op \'e weach.
As ik ir nou mar kans ta seach,
Dan moast de skoat in knikje ha.
Kom mei mar, sjoch! dêr leit in skou,
\'t Skip efternei, stap yn! to gau!
-ocr page 30-
24
Min stekt fen wal, tol moed en bliid.
Mar hark dêr ropt syn heite stim
Syn makkers ta, sawol as kim:
„Mei \'n lyts ketier is \'t skoalletiid;
Dan leare jonges! Is \'t forstien ?"
For dat pas wier \'t mei \'t fan-en dien.
Rein, yn \'e skoalle, docht dêr fêst
Syn wirk wol kreas, mar tinkt ek faek:
„Ik lit for \'t skipkesilen draek
Én hoep en knikkerts graech mei rest,
Ik hald fen \'t wetter. \'k Wol abslüt,
As \'k greater wird, it ségat üt."
^\'•w\'^
-ocr page 31-
25
XVI. Net plus
fen H. van WARNERS.
Wize: Daar zat een haasje bij de sloot.
Uit de zingende kinderwereld, No. 22.
Nou ha \'k foar goed in leske hawn.
Sa krij\'k fen \'t ljeppen mear forstan.
\'k Hab hwet leard yn nijboers finne,
Hwêr dy wide sleaten binne,
Yn dat lan.
Ik sei: „Hwet scoe sa\'n nauwe sleat!
As \'k wol, dan Ijep ik oer in feart.
\'k Tel sa\'n foege sleat gjin dripke,
\'t Is for my sa\'n koart, lyts hipke.
\'t Is my neat!"
As ik \'ris mei sok wirk begjin,
Dan is \'t in wonder, hwet ik kin.
\'k Bin hwet mansk yn folie dingen.
Mar foaral yn \'t sleatsjespringen
Bin\'k net min.
Mar nimmen leaude hwet ik sei.
Elts smiet it as in praetsje wei.
O, dat koe \'k sa klear fornimme.
Derom sei \'k: „Nou, hwa fenjimme
Ljept my nei t"
Sa\'n lytse streupert kaem foar \'t Ijocht.
Dy naem it oan. Dat hie \'k net tocht.
Och, hwet woe \'k it graech fintwine,
Mar ik koe gjin ütwei fine,
Ho \'t ik socht.
Dêr stie \'k. Elts röp, ik moast er oer.
O jonges, o, hwet hie \'k it sür.
Al myn pochen, myn gesketter
Joech my neat. Ik moast oer \'t wetter.
Hwet in toer!
-ocr page 32-
26
Ik sei wol, dat ik ljeppe woe,
Mar \'k stie to diïigjen, ja, ik scoe.
Och, ik waerd troch ninimen sparre.
Sels dj- lytse streupert narre,
Hwet er koe.
Dj" sei: „Hwet is \'t in bange bloed!
Hwêr brocht dy swetser nou syn moed?
\'k Wol net ljeafst, sa scil er tinke,
Yn dy nauwe sleat fordrinke.
Hwet in noed I"
Ik skoarre sa, hwa docht dat nij?
Mar \'k ljepte dochs, al woe \'k graech frij.
\'k Siet dan ek, mar efkes letter,
By de kikkerts yn it wetter.
Fij, o flj! \'
En alle jonges, hwet in krüs!
Dy bringe my mei \'t snoekje thüs.
Ik, de greate balkebrekker,
Bin nou lyts en oars sa\'n sprekker.
\'t Is net plus.
-ocr page 33-
27
XVÏI. Op it Skoalleplein
ten J. HORXSTRA.
Wize: Onze Vlag. Zangvogeltjes IV, No, 10.
Sjoch dij bern \'ris op it skoall\'plein,
Elts bat wille, net to min.
\'t Krielt, it fitert trocb elkoaren
Mei sa\'n wonder flenrich sin.
Hjir is \'t folts sa drok oan \'t knikken,
Wylst dêr kopketomm\'le wirdt.
Jinsen sjocbt min petsjeballers.
Hwet in nocht; liwet skrept min bird.
Neat as klearebare wille
Neat as fleur yn al it dwaen,
\'t Is yet efkes tiid ten boartjen.
Aenstonds scil de skoall\'klok slaen.
Mar hwa stiet dêr bij de murre ?
Hwerom docht dy siel net mei ?
Is er faeks hwet steecb en noartich P
Is er him hwet yn\'e wei?
Och, syn beide krukken jouwe
Wol in andert op üs fraech.
Wis! de stimper kin net meidwaen,
Oars, och, woed er o sa graech.
Moai! Sa\'n stik of njnggen jonges
Hokje om de stimper gear.
Wolle net mear petsjebalje,
Ha gjin nocht oan \'t knikken mear.
„Kom!" lit ien fen hjar him hearre:
„Nou ris skoalle boartsje, bern!"
En dan kin min dêr dy jonges
By de murre sitten sjen.
-ocr page 34-
28
Flink sa, bern! hwent och dy stakker
Winsket ek \'ris mei to dwaen.
\'t Scil dy siel, dy lytse lijer
Grif in hopen wille jaen.
Ja, dv stimper mei zyn krukjes
Griet it mar \'ris moai nei \'t sin,
Non \'t er by de skoallemürre
Mei syn maten boartsje kin.
(sf^lo^
-ocr page 35-
29
xviii. It lege Plak
fen E. ZWART.
Wize : Lang, lang ist\'s her. Harmoniumvriend IV.
Op de skoallebank foar mij
Sjoch ik eltse dei op nij
\'t Plak, dat iepen is;
As ik dêr dat plakje sjoch
— \'t Kin neat skele, hwet ik doch —
Fiel \'k, dat \'k immen mis.
.Timmer sit der ien to min,
Ien, dy \'k nea forjitte kin,
Nea forjitte mei.
\'t Wie myn frjeon, sa gol en goed,
Tsjinstich, fleurich, frjeonlik, f\'roed......
Hwa kaem him bynei?
Och, non sit dêr nimmen net.
\'t Plak bliuwt jimmer nnbiset,
Hwent us frjeon is dea;
Hy, dy elts graech wille joech,
Hy, hwa elts op hannen droech,
D\' eabelste fen \'t gea.
Lésten, op in moaije dei
Nei de skoall\'tiid gongen wij,
Jonges, nei de feart.
\'t Wier sa heislik waerm, dêrom
Sloegen wy yn \'t wetter om:
Elts hie swimmen leard.
Mar in akelik gegei
Komt dêr ïit it wetter wei,
Ien fen üs forsinkt;
Him to helpen slagget net;
Hwet wy dogge, \'t is to let.....
Klaes, och Klaes fordrinkt.
-ocr page 36-
30
Op de trêdde dei dernei
Gougen wy om \'t sjerkhöf mei,
Hwêr min Klaes nou brocht;
Op syn grèf leit net in stien,
Mar in moaije krans fen grien,
Troch syn frjeonen socht.
Op de skoallebank tbr my
Sjoch ik eltse dei op nij
\'t Plak, der Klaes op siet.
Mannich kear, as ik dat sjoch,
Ek by \'t ljeafste, hwet ik doch.
Wirdt it each my wiet.
-ocr page 37-
31
xix. In Kinst
ten C. WIELSMA.
Wize: Frysk Lieteboek, Xo. 30,
of Kleine Anna uit Brtiening-Ualbertsma, No. 13.
Jan Pankoek stie op \'t kantsje,
Op \'t kantsje ten de sleat,
En t\'rege \'m sels: vTan Pankoek,
Siz bisto wol yn steat,
Om droech er oer to kommen? —"
Do die \'r in skoft neat oars
As digerjen yn \'t wetter;
Né, mis! . . . yn \'t einekroas.
Jan seach dy griene tekken,
Dy \'t oer it wetter lei.
Dy naem dêr foar syn eagen
Alhiel it wetter wei.
Mar Jan seach pols noch boatsje,
Oars lake \'r om sa\'n sleat.
Dêr laei net iens in planke,
Dêr wie fen alles neat.
Doch hied er hird bigrepen,
Hy woe nei d\' oare kant.
Nou, alle fugels Üeane,
Mar \'n Pankoek? Né, dat spant.
Hy sei dan ek: ^Jan Pankoek,
Dou bist fêst net yn steat
Om oer de sleat to tleanen.
Dat wirdt dy to geleard.
En dochs, it moat hwet eine.
Mei krüpen komt it sa:
Dan giet de hiele pankoek
Grif nei de kelder ta.
Né, rinne wol \'k; De toetten
O, o sa rêd forset,
Sa, dat gjin ien fen beiden
Tiid om te sinken het.
-ocr page 38-
32
Ik tink, dan scil \'t wol slagje,
En as it lokke mei,
Dan dwaen my Pier en Binnert
En Dirk de kinst net nei.
It einekroas dat hoeft mar
In sierke steun to jaen.
\'k Bin wol sa gau as \'t wetter
En kin de reis wol dwaen.
Do naein üs Jan in oanrin.
Hy hie sa folie feart
Hast as in liikmartige,
Sa kaem er bij de sleat.
Mei alle foarsje plofte
De kist\'ner dêr yn del.
It kroas stan wit hwêrearne.
De kikkerts waerden kjel.
It gyng sa hird nei ond\'ren,
As stiennen fen de toer.
Jan skrille en skreaude: „Help mij!
Ik kom er sa net oer."
Er stiene krekt twa mannen
To hjekkeljen yn \'t lan,
Dy holpen him en seien:
„Der hest in öflear hawn."
Jan prüste, hyme, pfiste,
De stakker brille sa.
„Noait wol \'k wer wetterspringe,
Sei Jan, „nei mem wol \'k ta."
Jan Pankoek, mei syn kinsten,
Hie \'d eagen, mfile, noas,
Ja, licht ek wol syn busen
Hast heal fol einekroas.
-ocr page 39-
33
XX. De rike Jonge
fen H. yax WARNERS.
Wize: Triomf! de vreugde stijg\' ten top.
Hwet bin ik ryk, hwet bin \'k bot ryk!
\'k Stean op in bytsje nei gelyk
Mei d\' alderrykste boer.
Ik hab in moaije sparpot, hjer!
Nou yetris trêddelsint, sjedêr!
Dan wirdt it fjirdelstür.
Ik hab in foege boerkerij.
Nou just gjin bynders, skiep en kij.
Mar sa\'n wytweiten hin
Mei twa keniuen en in don.
Ik kin wol aerdich meidwaen, nou?
Ja, \'k bin yn soks net min.
En neam ik al myn boartersgud,
Nou kom! dan tel ik sa mar i\'oart:
Myn pols, myn draek, myn toji,
Myn bakkert, — tweintich knikkerts, man!
Myn hoep, myn bal, myn skip en dan
Myn skermman sonder kop.
Dan ha\'k trochstrings de büsen tol
Fen ridskip, dat ik brüke wol.
Dat spil is kreas yn \'e es :
In spiker, mei sa\'n eintsje tou,
In knoop, in ring, ja, \'t stekt net nau,
En dan, fensels, myn mês.
Mar as ik nou sa ut en troch
\'Ris nei myn greate rykdom sjoch,
Dan diel ik grif hwet mei.
Né, tink net, dat \'k in nepert bin.
Dy \'t net in kromke misse kin,
Mar \'k smyt it Ijeafst net wei.
-ocr page 40-
34
Sjoch! as myn raaet gjin knikkerts hat,
Hawar! hy mei dan, om myn part,
Wol fiif ten mines ha.
En as er fen my keapje wol,
Dan jow ik him ek, graecb en gol,
Der ien of twa op ta.
Ik sjoch, as ik myn sinten tel,
Net leech op d\' oare jonges del,
\'k Bin net sa dom en blyn.
Al ha \'k it nou al tige rom,
Der bin \'k gjin grevel better om,
Dat sjoch ik hiel wol yn.
^\'•W^
-ocr page 41-
»
35
XXI. De lytse Boer
fen C. WIELSMA.
Wize: De heibels los, de zeilen op.
(Vaderlandsch Liedeboek van Hol.)
Er rint in skiep yn Ruerdboers lan,
In skiep mei trije lammen,
Sa alderljeafst nei myn forstan,
En \'t lytste dochs binammen,
Och, man, als ik dat lamke bie,
En as dat dan in eilaem wie,
Dan stie \'k er net oer yn beiïe
Hwet \'k die.
Ik sprong fen \'t bêd, foar dei en dau,
En d\' earste striel fen \'t sintsje
Fonn my ... Hwêrsa ? Dat riedt elts gau
Fonn my yn Ruerdboers fintsje,
En \'k sei: „Der hest in topke hea
Ta moarnsmiel en in stikje brea,
Myn bist, dat liket om de dea
Net kwea.
Ear dat myn laem in skiepke wie,
Scoe \'k fêst wol melke kinne.
Der gyng, as ik myn best mar die,
Net iens dy tiid mei hinne.
Kaem ik er elke jonn en moarn
Wer mei in fiks miei malke oan,
Dan sei tis heit: „Dat liket skoan,
Mijn soan!"
Troch al de malkesinten trou
En kloek bijien to garjen,
Tocht ik fen tiid ta tiid al gan
In somke to besparjen.
En der foar kocht ik op \'e nij
Wer skiepkes yn myn boerkern\'.
Er kamen swietsjeswei ek kjj
Dan b\\j.
-ocr page 42-
36
XXII. Trochstrikers en Kliiiiliakkcn
fen H. van WARNEES.
Wize : Napoleon.\' waar zijt t/ij gebleven \'t
of: Avondrust. Zangvogeltjes I. No. 22.
Wij spelen en huppelen blijde: Bartels III. No.
As \'t Mest, dan praet elts oer it riden
Mar \'t dwaeu giet al frij üngelyk.
Hjir is ien, dy rydt flink yn streken.
Dêr immen, dy skoffelt sa bryk.
Sjoch Mm \'ris, hwet wol it Mui slagje!
Luk oan hwet, oars bringt er üs wei.
Sjoch, sjochria! liy fljucht as in hazze.
Ik siz mar, dy kin er hwet mei.
Is \'t iis net sa glêd as in spegel,
Doch komt it Mm jimmer fen pas.
Hij skekt, draeit en swaeit jo wol linich,
Al sit ek it teanlear hwet los.
Sels eint er, as \'t waeit, dat it rikket;
Hy fait net op slach troch \'e koer,
En komt er foar diken en dammen,
Ien hipke, dan is er dêr oer.
Al hat er net ftak foar it lapke,
Hy skrept mar, hy docht wol syn best,
En ropt min: „Liz op, frjeon !" \'t is makke;
Dan seit er sa golwei : „Hald fêst!"
Mar sjoch dêr sa\'n stimper yn \'t riden,
„Och," seit er, „de baen is bidoarn."
Hy sangert oer waer, iis en redens;
Oars, seit er, oars skeelt er neat oan.
Dan biune syn redens net slipe,
En dan wer is \'t haklear to lang;
Hy hat grif in foech sekfol noaten
Oer redens en iis op \'e sang.
-ocr page 43-
87
Fij! \'t is mei him jimmer sa\'n skouwer,
Hwent iwich is \'t stok yn \'e wyn.
Dan sjocht er sa\'n ronfels en skoerren.
Dan is \'t wer: „It iis snijt sa yn."
Wie \'t iis en wie \'t waer mar hwet better,
Dan wied er yn \'t riden sa\'n Jan ;
Mar wol \'k nou niyn miening \'rissizze?
Ik leau grif, it skeelt oan de man.
Né, \'t kin mei sa\'n rider neat wirde,
Dj\' \'t jimmer mar foetert en grynt,
\'k Doar wedsje, liy scil yet wol prott\'lje.
As hy straks in dübeltsje fynt.
-ocr page 44-
38
XXIII. Rcedriderssankje
fen C. WIELSMA.
Wize: Zie! de maan schynt door de bootnen.
Sjoch, it iis is as in spegel,
En sa sterk hast as in dyk,
Reedgekras klinkt üs yn d\'earen;
Dat is mei fen \'t moaist mnsyk.
Mei \'t üs barre, op \'t skerp to stean,
Swier fait dan it skoallegaen.
Do wy lytse benkers wieren,
Waerden w\' op de redens boun.
Efter stoeltsjes, efter sliden
Ha wy sltu-ke, faek wol ronn;
En non stonwe w\'oer de baen,
Sonder maklik krimp to jaen.
Folie greate minsken habbe
Winterdei hast oars gjin praet,
As oer \'t jild, dat al forriden,
d\' Eare, dy bihelle waerd.
Lytsen dwaen de greaten nei,
Wy prate ek al wakker mei.
O, de winter jont sa\'n wille;
Neat sa moai, as op it iis
Sa to riden, sa to krigen,
Sa to striden om in priis;
Op in moai forsierde baen
Tsjin elkoar yens best to dwaen.
-ocr page 45-
39
XXIV. Bange Hans
ten H. van WARNERS.
WlZE: De Vierkleur. (In Transcaalsch liet.)
Sjoch de IXe ban f en: De Harmoniumvriend, f en
Joh. de Heer.
Hans wie sa deis in greate baes,
Dy wol koeraesje bie.
Jonus wied er bang, dat Sinteklaes
Dan stil oan \'t strünen wie.
Deis die \'r in tige wird.
Hy joecb om fjür nocb swird.
Mar jouns, as \'t sintsje yn \'t westen stie,
Bitomm\'le Hans sa hird.
Deis hied er jamk moai\' rom geweld,
Sims al yn d\' iere moarn.
Jouns knipte Hans, de greate held,
Syn mem mar wakker oan.
Deis warde Hans him goed.
Dan hied er frijhwet moed,
En bliesde heis\'lik op \'e hoarn.
Jouns wie \'t in bange bloed.
Syn lytse broer wie troch in dei
Gjin sprekker, lyk as Hans,
Mar jouns ek op gjin parten nei
Sa bang, dat skeelde gans.
Jouns Avie hij op syn plak,
Hans wie dan bjust\'re mak,
Dy doarst net keal de bftrren lans
En helje heit tebak.
Ei non, dan gyng de lytse Sjoerd,
Dy hie dan krekt syn draei.
Dan wie de held wer ut \'e noed;
Dy tocht: „Nou bin \'k net faei."
Mar \'t barde op sa\'n kear,
O wé! do kaem de bear
-ocr page 46-
40
En bromde sa! Hans seach al taei
En sei: „Nou hear \'k him klear."
Mar mem dy sloech dat yn \'e wyn;
Hans sei: Hwet is \'t in skrik !"
Heit röp: „Nou kom er dan mar yn!"
Dy wie net fen syn stik.
Hans tocht: „Dit wirdt in kri\'is.
It is hjir lang net plus."
En sjoch, dêr kaem, mei folie skik,
De lytse brommer thüs.
Dat wie dy greate, lilke bear.
Dy lake him hast slop.
Mar sont is Hans net skrüten mear:
Hy learde fen sa\'n prop.
En for syn lytse broer
Hat Hans nou alles oer.
Ja. for dy gut, de lytse strob,
Kint Hans nou troch it fjür.
,v,-vM,y,
-ocr page 47-
■u
xxv. De Skoallekies
fen H. van WAENEES.
Wize: Onze koning Willem leve!
of: No. 6 uit Bloemkelkjes: \'t Schemert door
rf\' ontblaarde
hoornen.
Jan wier moarns sa swier te rissen,
Hast net üt it bêd to slaen.
Heislik liie\'r it, jast foar skoall\'tiid,
Mei sa\'n holle kies to dwaen.
Mar syn heit hie wol bigrepen,
Ho \'t dy kies sa\'n lijen joech:
Och! dat ding koe net forneare,
Dat it skoalleklokje sloech.
Efkes foar de klok fen njuggen,
Likernoch in foech ketier,
Koe min Jan sa kriten hearre,
Faek en folie ryklik tier;
En sjedêr ! in ürke letter
Fielde Jan syn pine net,
Mar dan koe hij net nei skoalle,
Hwent dan kaera er wis to let.
Jan wie jerne frij fen skoalle,
En sa barde \'t op in moarn,
Dat dy kies füleindich pimpre,
En dat boaze sa mar oan.
Jan begoun wer hird to twingen :
„Moat ik ek nei skoalle ta \'i
Och, ik kin sa doch net leare,
Wylst ik o sa\'n pine ha."
Heit sei do: „Dat skoallforsomjen
Is in allerheislikst lést.
As dy kies mar net om \'t lyk wol,
Stiet it wrammels net sa best.
Kom, ik scil üs dokter helje,
Hwent dyn learen wirdt gjin byt.
-ocr page 48-
42
Dokter seil dy kies wol sprekke,
Ringen bist\' dat lést dan kwj\'t."
Jan wie lang gjin frjeon fen dokter.
Hwent dy kaem krekt sa \'t er wie.
En dy scoe \'t him gau fortelle
Ho \'t it mei dy pine stie.
Jan foei handich yn \'e lijte;
Né! dy kies die net sa sear.
O, hwet roan er kird nei skoalle.
Jan hie non gjin pine mear.
7v^^?
-ocr page 49-
43
xxvi. Soldatefooartsje
fen H. tan WARNERS.
Wize : „ Wel, jongens ! waar ga je zoo deftig naar toe ?
of: De hemd is blamc en het sonnetje lacht.
(Uit Bruining & Halbertsma.)
of: Wiegelied (Vaderlandsch Liedeboek van Hol),
Wy binne soldaten. Sa krigel fen sin,
Mar siikje gjin rüsje, Dat is üs to min.
Elts is hjir wol feilich, Ha dermei gjin noed;
It giet mar sa beare, En dat \'s ek mar goed.
Né, \'t is hjir gjin tinken, Wy dogge gjin kwea,
Wy slaen en wy sjitte, De minsken net dea;
Mar lykwol as immen, De gek er mei hat,
Dan prottelt üs baes, Ja, dan sjocht er grif swart.
Pas op mar, yn \'t hoekje, Dêr is de prevoast.
Dêr jout it gjin pankoek, Mar honger en toarst.
Dy \'t lang net om lyk wol, Yn dit en yn dat,
Dy komt yn \'e kelder; Dat is de kesjot.
As Jan G-enerael is En Dnrk üs kaptein,
Is \'t spul kreas yn oarder, Wy binne sa keiii.
In knoop fen giel koper Op \'t petsje: \'t is klear.
Dat is de sjeko dan. In stok is \'t gewear.
Wy stappe parmantich, Lyk as in soldaet.
Wy rinne, marsjerje Sa flink yn \'e niaet.
Hirdrinne de famkes Bjj \'t bikkeljen wei,
En eagje de jonge Soldaetsjes dan nei.
Hwet sjogge wy dapper, Wy habbe sa\'n skik,
En liike de sabels. Dy binne fen blik.
In reastreke büsdoek Is bonn oan in stok,
Dy stiet wylst foar flagge To wapp\'rjen op \'t hok.
Wy binne hjir maten En, earm non of ryk,
Dat is üs it selde, Wy stean hjir gelyk.
Wy rölje gjin fust op, Wy sjogge net toar,
Wy daegje net üt Mei gehün en genar.
-ocr page 50-
44
Wy wirde net deilis Mei Fransman of Prüs;
Fen tsieren en fjuclitsjen Is nimmen hjir thüs.
Mar kin \'t net mei frede, En wol min üs ha:
Koeraesje dan, jonges! Mei moed er op ta.
Dêr jinsen by \'t hikje Stiet Klaes op \'e wacht.
Sa bang en forbüke: It giet tsjin de nacht.
Nou, Klaes, nei \'t marsjerjen, Dan bliest de trompet:
„Marsen! marsch! hird nei mem ta. Rettettettettet."
Yn heite kezerne Yt Klaes liim dan sêd,
En heart ek nei \'t wachtwird: „Kom, feintsje! nei bêd."
Dan is er net skrüten. Net bang mear, de baes.
Gau droomt er: „Net ien is sa driist as dy Klaes."
-ocr page 51-
45
xxvii. De lytse Jager
ten H. van WARNERS.
Wize : Gij lieve lelie op het veld, of No. 28 feu \'e Balke.
Us Pyt is amper fjirdeljier.
Nou, elts bigrypt dan wol:
Sa\'n strob is jet net great en swier.
\'t Is mar in bantsjefol.
Mar o! hwet is er snoad en wiis.
Wy moatte nou en dan
Sa laitsje om üs lytse biis,
Dy ljeave bükeman.
\'t Is wiinder, bo \'t er boartsje kin,
En bo \'t er bim dan rept.
Dan is de streupert lang net min,
As by sa beuzicb skrept.
Hwet bat üs boike dan in nocbt,
Dy ljeave lytse glit,
En dy \'t bim dan sa beist\'rjen sjocbt,
Tinkt faek : „Ho fynt er \'t Vit,"
\'k Leau, dat er nea sa\'n wille bie,
As lésten op in joun.
Hy mieude, dat er jager wie,
Us Fike wie syn bouu.
In weitas foun er yn it bok:
Myn alde boeketas.
In ilinke pols, üs beite stok,
Kaem ek sa nioai to pas.
Dy naem er yn syn lytse ban,
Hy wie do kant en klear.
Us greate keamer wier nou \'t lan,
De feger syn gewear.
-ocr page 52-
46
De turfbak waerd in hege dyk
En eltse stoel in bosk.
In bakkert waerd in einepyk,
In knikkert mar in mosk.
Mar as de lytse man sok kriel,
Sa\'n mosk wol sjitte koe,
Dan tocht er, dat de lytse siel
Yet graech liwet libje woe.
En d\' einepykjes yn \'e feart
Dy liet er ek mei rest;
Mar for de hazzen by de sleat
Stie \'t net sa bjnst\'re best.
Us jager stründe, warber wei.
It lan mar op en del,
En Fike socht sa bitsich mei.
Dy sprong bast ut it fel.
Sa seacb de baes, wol op syn dreef,
Twa bazzen yn it koarn:
Twa greate nüten, blank en geef.
Hy lei \'t geweer gau oan.
Poef, Paf, hwet linicb skeat üs pop
Dy beide bisten dea.
Do plüze Pyt de hazzen op,
En Fyk in stikie brea.
\'FTT^**
-ocr page 53-
47
xxvni. Murk en Mop
fen H. van WARNERS.
Wize : Al is ons Landje nog zoo klein.
(Vaderlandsch Liedeboek.)
Us Murk bat dizze lytse houn,
Us Mop \'ris yn sa\'n tsjnstre joun,
Forlegen op \'e bürren foun,
En Murk is dan wol sa:
Dat Mopke dêr sa hong\'rich stie,
En troch syn baes forlitten wie,
En nou gjin frjeon, gjin selskip hie,
Dat mocht myn broer net ha.
Murk socht mar gau in koer mei hea.
Hy tocht wol om de kalde lea
Fen Mopke. Soks forjit ik nea,
Al is \'t ek wiken lyn.
Mem koe der mar sa matich oer,
Mar heit wier net in byt oerstjur.
Murk brocht it hountsje nei de koer.
Qêr kaem us Mop nou yn.
Mem tocht, dat Mop üs bite scoe,
Of faeks unbidich kefje woe,
En wol \'ris heislik wadsje koe,
Dan wie dat neat as lést.
Mar \'t dfirre mar sa\'n oardeldei,
Do lake Murk, as mem sa sei:
„Dit fait my hundert parten mei,
Hwent Mopke haldt him best."
Ya\\ sjoch, nou is er neat to dwaen.
Sa kin \'t ris tige best bislaen.
Mem scil üs Mop nea kibjen jaen.
Dat is for Murk sa\'n treast,
Mem seit: „Hwet is tis Mopke trou!
Hwet is er fluch! dat stekt net nau;
Hwet wirdt er glansich!" Ja, de frou
Bidjert him aldermeast.
-ocr page 54-
4S
xxix. Hwa Sjak wie
feu C WIELSMA.
Nou scil \'k in moai forteltsje dwaeii.
Pas op! ik set fen d\'ein.
\'t Is fen in faem, in aep, in kat
En fen in sékapteiu.
Hwet ik lijir nou fortel, dat is
Forskate jierren lyn.
Do libbe er yn üs lan in man,
Dy hiette Foardewyn.
Dy namme kaem bim earlik ta.
It wier him lokkich gien.
Hwa wit, ho folie reizen hie\'r
Nei East en West wol dien.
Do\'r ald waerd, bleau de man oan wal.
Hy kocht to Harns in hüs,
Bynei it moaiste fen de stêd,
Hweut jild hie\'r by de nis.
Dèr wenne\'r do mei\'n alde faem,
In aep en vet in kat.
Dy aep hie\'r kocht yn \'t frjemde lan,
\'k Lean, fen sa\'n Hottentot.
En as ik my nou goed betink,
Scoe \'k sizze, dat de faem
Dêr üt de Minnertsgeaster hoek,
Of üt de Bjirmen kaem.
Fen poes, dy by de Stiennen man
As poeske boarte hie,
Mei \'k sizze, dat hja for sa Hei-
In echte Haruser wie.
-ocr page 55-
49
Der hat min nou it trijetal.
De faem dy niette Saep,
Poes waerd\' al folie Martsen neamd,
En Sjak, dat wie dy aep.
Syn master stiek him yn \'e pronk
Mei \'n fjürread jaske en broek,
Hvvent Sjakje stie by d\' iilde baes
Earst alderbêst to boek.
Mar d\' aep wie stienondogens, bern.
In glüpert, trochgemien.
Derom wie Martsen mei dy snaek
Dan ek net malle grien.
Hy koe sa Ijeaf, sa dimmen sjen,
As hied er lek noch brek.
Wie baes by bonk, dan bold er trou
De pipen yn \'e sek.
Hy hiinde Saep en Martsen graecb.
Hy slynde, gnobbe, smiet
De stoven om op \'t nije kleed,
Of bruide \'t kletstrocliwiet.
Faek loek er Martsen oan de stirt,
Bikniep lijar mei de doar;
Saep sprong er op \'e rêch, dat hja \'t
Fen skrik omtrint bistoar.
Hja klage, kaem de baes dan thus,
Fensels lijar need oan bim.
Hy frege dan: „Oerdriuwst\' nou net?
Of: „Is it wol sa slim?"
Och, jaen sa\'u bist in bytsje ta.
Hald frede Saep en tsier
Net mei sa\'n aep, — jij binne dochs
Fêst wizer as sa\'n dier.
-ocr page 56-
50
Mar \'t krukje gyng mei Sjak sa lang
To wetter, dat it briek:
Mei d\' apestreken kaem \'t sa fier,
Dat baes it sels üntdiek.
Do seach er klear, Saep hie gelyk.
Hy naem in koart bislüt,
En, ien, twa, trije, — né! sa gau
Is myn forkael net ut.
-^|^~
-ocr page 57-
51
XXX. Hwet Sjak ütsette
fen C. WIELSMA.
Saepke hie \'ris yn \'e yeske
Fen it keamerskachellaed,
Hwet kestanjes lein to brieden.
Martsen slüge, dea bedaerd.
Sjakje hie syn eagen iepen,
Snoarke wol, mar sliepte net,
En by tochte: „Dy kestanjes
Wirde fêst for my net bret.
Mar dochs scil ik d\' earste wêze,
Dy de bret te pitsjes priuwt,
As dy Saep mar efkes oppakt
En hwet ut \'e keamer bliuwt.
Moai sa! Saep forliet de keamer,
Mar de doar bleau yn it kier.
Sjak wie hastich by de kachel.
„Gau dat laed op, — net to fier!"
„Klear!"— Nou handich oan it rieren
Yn de yeske. — „Au!" dat die
Heislik sear.„ Hwet dom!" sei Sjakje,
„Dat ik der gjin erch yn hie."
„Help in hantsje, Martsen! helje
Dy kestanjes gau for my
Ut it fjür." Hy lukte Martsen
Nou in bytsje tichter by.
Martsen die hjar best mei bliezen,
Gülde neat as moart en bran,
Hwent hjar iene foarste poatsje
Siet dêr yn dy apehan.
-ocr page 58-
52
d\' Aep bigban der mei to riereu
Yn it fjftr. Poes die lijar best
Om, as \'t woe, wer los to kommen,
Mar dy poat siet al to fèst.
Martsen waerd al lilk en finnich,
Mar dat joech net. Sjakje sei:
„Ljeave sloof, kin ik it helpe,
Dat \'k sa graech kestanjes mei?"
Foardewijn loerde om it hoekje
Fen de doar, seack alles oan,
Hearde ek alles, stapte binnen
En do wie \'t: „Dit treft mar skoan.
\'k Hoef nou langer net to freegjen:
„Kimt de faem it ek to nau.
Ut, yn ienen! „Sjak fintwykte,
Mar kaptein Ine \'m malle gau.
„\'k Scil dy sprekke, falske loebes,"
Sei er en hy keilde \'m sa
Yn de kelder. „Feint, nou scitte
Moarn op slacb dyn fonnis ba."
-ocr page 59-
53
xxxi. Hwêr Sjak bilïinne
fen C. WIELSMA.
\'t Waerd ïnoarn. De keldersdoar kaem op,
Och, och, hwet trille Sjak
Fen kjeld en bangens en nou wie \'t
Foart i\'it mei \'t moaije pak.
Do kaem er yn in tichte koer.
Sa brocht syn master him
Nei \'t wetter. Waerd er do forsüpt?
Fij, né! dat gyng to slim.
Dy koer kaem op in greate boat,
Dat wie de koartste wei;
Sjak krige yet, as passasier,
In foech lyts brief ke mei.
„Dy falske aep," sa stie dêr yn,
„Wol ik net langer ha.
Bring Sjakje mei syn streken non
Mar hird nei d\' Artis ta.
Yn Artis is sa\'n apehok
Fen izertried en dêr
Wenje apen yn en jachtsje sims
Sa kluchtich hinne en wer.
Min is faek slop fen \'t laitsjen as
Min der nei stiet to sjen.
Komm\' jimme skielk yn Amsterdam,
Foaral nei d\' Artis, bern!
Ik wie dêr foar in mannich jier
Yn d\' Artis en ik bleau
Er hast in hiele dei en kaem
Ek by dat apereau.
-ocr page 60-
54
Ho pitertnerlik jage dat
Oanhaldend troch elkoar!
Hja tochten siker: „Mal is moai!"
Nou, der wiern\' \'t apen foar.
Mar ien er fen, in flarde, brocht
In hopen lést to wei.
Hy narre, hünde, hwa \'t er koe
En kaem hast elk to nei.
Sims krige er tikken op \'e kop,
Dy \'r fiks fortsjinne hie.
Mar \'k mirk, dat sa\'n trewinkel jnst
Net lang fortüten die.
In echte loeder wie \'t, dy aep,
Al boun er sims hwet yn.
Kom, ried \'ris bern, hwa wie dat nou?-
\'t Wie Sjakje Foardewyn.
-ocr page 61-
55
xxxii. Nei omke Jan
fen H. van WARNERS.
\'k Ha sa\'n langst nei \'t ütfenhüsjen.
O, der ha\'k my sa nei set.
Nou, sa\'n reis nei omke en moike
Bart ek alle dagen net.
Fier oan d\' oarekant fen Ljouwert
Wennet memme jongste broer.
En dêr jinsen is al jierren
Omke Jan sa folie as boer.
Omke, ja, dat kin \'k fornimme.
Hat in bulte mei vis op.
Mar üs Piter, om to pleagjen,
Neamt my sims üs omke pop.
En dat bin ik, seit de hüner,
Om \'t ik omke namme draeg,
Hwent üs omke Jan is namm\'siik
Seit üs Pyt, mar \'k leau it skraech.
Piter moat er neat fen sizze,
Hwent hy rint de planke mis.
Piter wit, dat hy by omke
Ek al tige wolkom is.
Mem sei lêstendeis üs omke
Is in earste bernegek,
En der liet üs heit op folgje:
„Moike Tryntsje dy is \'t ek."
En nou foar in foege wike,
Né, \'t is efkes langer lyn,
Krige heit in aerdich brief ke.
Ried \'ris gau, hwet stie dêr yn?
-ocr page 62-
;-,«;
Nou, ik scil it ek mar sizze:
Omke makket üs sa bliid,
Hwent by skriuwt, for ütfenbiïsjen
Is \'t moai waer en krekt de tiid.
Omke skriuwt, de parren rypje,
En dat skreppen yn it hea
Giet de boeren njunkenlytsen
Al in dripke üt \'e lea.
„Wolle," skriuwt er, „Jan en Piter
Utfenbüsje by de boer.
\'t Scil üs tige, tige noaskje,
My en moike. Kom dan oer."
Heit bat seiu, it moat mar wêze,
Mem docbt ek wol greacb üs sin,
Mar hja freget docbs oan Piter:
„Hast er faeks ek bwet op tsjin?"
Piter bat de fraecb bigrepen
En by sjoiigt, de lytse man,
Al fen klearebare wille:
„Ik gean mei nei omke Jan!"
A.1 yn \'t earst fen nye wike
Gean w\' op reis, dan giet it oan,
Hwent dan is it krekt fekansje.
Is \'t net wier, dan kin it skoan.
5P^
-ocr page 63-
57
xxxiii. Ho \'t lis foldicn het
fen H. van WAENEES.
Ik gyng dan mei myn jongste broer
Op reis. Mem seach üs nei
Sa fier as \'t koe, en heit gyng yet
In foech lyts eintsje mei.
Hwent sjoch, it bus fen omke Jan
Dat stiet net neist üs doar.
Dat liket neat, dêrom brocht heit
Us efkes nei it spoar.
Do reisgjen wy sa\'n great ketier. —
Hwa stie do by de trein?
Us eigen omke Jan, dy hie
De brüne foar de wein.
Briin brocbt üs hird nei moike ta,
En fleacb mar as de reek,
Mar lykwols bleau er froed en mak
En tige by de streek.
Sa durre \'t mar in amerij:
Wy wierne handich oer.
De brüne krige do syn lean:
In aerdich skepke foer.
En moike joech üs boerekost,
It stie der wakker bij;
Wy krigen earst al strou mei spek
En do yet rizenbrij.
Wy habbe do by omke Jan
In hopen wille han.
Dan boartten wy by hüs en hiem,
Dan swalken wy troch \'t lan.
Wy swabb\'ren faek de greiden troch
En founen ek in nest
Mei jonge ljurkjes, mar, fensels,
Dy lieten wy mei rest.
-ocr page 64-
58
In liin mei pykjes roan op \'t hiem
Dy soarge for syn team,
Wylst Akke lüd to skatt\'rjen siet
Yn d\' alderheechste beam.
In eintsje mei syn lytse bern
Sloech drok yn \'twetter om,
En \'t douke koerde jimmeroan:
„Roekoe! hwet ha \'k it rom."
Sims frege moike, hwa fen üs
Al slim ünwennicli wie,
En of ek immen altomets
Hwet sin oan parren Me.
En ienkear, op in moaije joun
Wie \'t feest, hwent moike sei:
„Komoan, ik moat \'ris witte hwa
Wol sukelarje mei."
Mar Turk, de greate bonte houn,
Wie fêst gjin frjeon fen bern,
Dy loebes liet \'ris op in kear
Syn wite tosken sjen.
En Bokke die sims d\'eagen ticht,
Krekt of \'t er sizze woe,
Dat hy, sa ut \'e holle wei,
In deuntsje kraeije koe.
Ja Bokke, mei syn reade kaem,
Wie wakker wiis en wis.
Ik tink, omdat syn kraeijerjj
Altiid it selde is.
Gjin master rydt him nei, hy kin
Mar yn de wj ukken slaen,
En as er soks bigrepen hat
Him sels fekansje jaen!
Us tiid wie mar hwet al to koart,
It like nearne nei.
\'t Is spitich, bern, sei moike, mar
\'t Is hjoed de leste dei.
-ocr page 65-
59
Hja treau üs moai hwet parren ta,
En \'t roan do hird nei d\'ein.
Wy rieden d\' oare moarns nei \'t spoar,
De brüne foar de wein.
Mar moike joech üs earst de han
En sei: „Kom gau \'ris wer.
De groetenis oan heit en mem,
Dat net forjitte, hjer!
En berntjses, tink er tige om:
Foarsichtich onderweis.
Pas op, en krij gjin ongelok!
Nou, jonges ! goede reis."
En do \'t üs Piter dêr for \'t lest
Oan omke side siet,
Do krige broer it al to krap,
Syn eagen waerden wiet.
„Net skrieme, boi!" sei omke Jan,
„Hast moike goed forstien?
„Kom gau\'ris -wer." „Hwet graech", sei Pyt.
„It nat üs best foldien."
^^^^
-ocr page 66-
60
xxxiv. Sims to gau great
fen H. van WARNERS.
Us lylse Bokke Hie \'k efkes lokke
Yn \'t feilich stjelpke. Dat die kim nij.
Hy seack myn noed net En hie syn moed net.
Ik tocht: „Hawaï\' dan!" Ik liet him frij.
Do \'t Bokke it woun hie, Op frije groun wie,
Do scoed er kraeie Mei d\' eagen ticht.
Dat moast my jilde. Mar Bokke tilde
Oer \'t kükeldeuntsje Hwet al to licht.
Do proastich stappe, Wiid waerd er gappe,
Lyk as sa\'n hoantsje Dan gapje kin.
Mar \'t kraeijen woe net, Hwent Bokke koe net.
Né! \'t wie syn wirk net, O! \'t gyng sa min.
Och, \'t moast net lykje. Hird wer besiikje!
Al rekke Bokke Syn asem kwyt.
\'t Gyng wer fen \'t selde. Mar Bokke telde
Dat flinke kraeijen Nou net in byt.
Us Bokke tocht al: „Fier ha\'k it brocht al.
„Hwet bin \'k in kearel! Dat is unfoech!
„\'k Siz, dat myn kraeijen, Mei krease draeijen,
„Doch iwich moai gyng, Al kras bisloech."
Wylst kipe poeke Stil om \'e hoeke,
Omdat hja smucht hie Op hoannefleis,
Hja loerde wakker. Hja griep de stakker
En lytste Bokke Hie gau de reis.
Sa\'n wiis merakel Moat gjin spektakel
Moat net, as bern al, Sa\'n drokte ha,
Oars wirdt sa\'n kraeijer Yet folie faeijer,
Licht komt de kat dan Wol op him ta.
-ocr page 67-
1)1
Dat domme hoantsje Tocht net in toarntsje
Om \'t wiize bekje. It bleau net kus.
\'t Wie hwet to dapper. Do wier de stapper,
De lytse kraeijer Gau for de poes.
Mar lytse Fokke Is krekt as Bokke.
Hy is, as \'t hoantsje, Ek eigenwiis.
Hy docht syn sin mar En tinkt dan: „Rin mar!"
As min hwet noed hat. Is \'t net in griisi\'
Faek hat dit maetsje Sa\'n noaswiis praetsje,
Hy hat it earste En \'t léste wird.
Faek wirdt er lake Om lytse „Pake,"
Om \'t alde mantsje Yet sonder bird.
Sa snapt, sa kraeit er En proastich swaeit er
Mei \'t pypke, — \'t feintsje Fen njoggen jier,
Der kin de poarre Him drok mei warre.
Nou, jonges, rint soks Net al to fier.
Hwent as sa\'n kikkert Sa dapper rikket,
Dan is er ringen Glêd fen \'e streek.
Sa\'n lyts bigrypke Wirdt troch syn pypke
Sa\'n ald lyts mantsje, As kalk sa bleek.
Boi moat wol leare, Mar \'t giet sa beare,
Hwent och, dan docht er Net heal syn best.
Mar nei segaren En sokke snaren
Der is er slij nei. Is dat gjin lést?
Hy moat mar boartsje; Ja gans in hoartsje.
Soks jout üs mannen Dér stiel yn sit.
In bern, dat wiis is, Gau ald en griis is,
Wirdt noait in kearel Mei mirch en pit.
-ocr page 68-
62
xxxv. It Berneklokje
fen C. WIELSMA.
Wize: „Wel jongen," sprak de scheepskap\'tein.
As \'t sintsje nei it Westen lukt,
Dêr \'t alle jounen onderdukt,
Dan rekke en gapje lytse bern,
En kinn\' hast net ut d\' eagen sjen.
Den liedt it berneklokje,
It klokje.
De Fearman ropt al: „Kom, ei kom!
Hwa langst het nei in swiete slom.
Kom, Sanman, bring de berntjes mar
By my, en mem, bistopje hjar!
Hark, hark, dêr klinkt it klokje,
It klokje.
En sjoch, dan is \'t al gau sa fier,
Min sjocht gjin bern mear oer \'e flier.
Hja binne ljeaf nei bêd ta gien,
En habbe \'t fel oer d\' eagen dien.
Hja harken nei it klokje,
It klokje.
O, rest nou sêft en droam mar swiet.
Moarn klinkt wer jimme fleurich liet.
Bringt üs it sintsje in nije dei,
Dy nimt for bern wer wille mei.
„Nacht bern!" sa liedt it klokje.
It klokje.
-ocr page 69-
63
xxxvi. TJt „Reamer in Sape"
fen GYSBERT JAPIKS. (1603—1666.)
Earst skoall\'master to Wytmarsam, letter to Boalsert.
Wolkomm\' freugde fenne wrad,
Haedljeacht oerre Stierren,
Griente —, kruwd in Blommefad,
Mietter fen uwz jieren,
Hymmeleag dy \'t al oersjocht,
Dy uwz Dauwe in Miste ontjocht,
Dy uwz \'t fjild bemiellet,
Ja mei goud oerstriellet.
Kersse in Laempe fenne dey,
Uwlefijn\', Yzteijer,
Moudestuwwer, droeggewey,
Nacht — in Froastforjeyer,
Ljeapper oer it wiet in \'t druwgh,
Euwnomrinner, nummer sluwgh,
Yer in let allinne,
Wolkomm\', wolkomm\' Sinne.
\'k Sjoch de nacht al rju forfleyn,
Mey sy bruyne wjuecken,
Alle man dy ryst oereyn,
In begint t\' ontluwcken,
d\' Yene pluwgget, siedet, eyd\'t,
d\' Ore schiep in ky forweid\'t,
Elck iz drock yn roeren,
Om syn dwaen to stjoeren.
Alle djier, forhuwgge, sit,
Rint, fljugt, ljeapt in donset,
Brinsget, derten boeyte wit,
Blerret, bollet, gonzet,
Eyn in gies yn \'t wetter sljuerckt,
\'t Wylde fuwggelt tureluerckt,
Libbje yn free in resten,
Boeyte scheel in lesten.
-ocr page 70-
(54
xxxvii. Ut „De Fries\'ne Teal"
fen JAN SALVEEDA. (1783—1836),
Skoall\'mastei\' to Wons.
Nee, Friesck\'-teal blieuwt d\' adst-libb\'ne teal! —
Waem God in Frie^ck hert joe to preal,
In adfriesck bloed yn neijteams ijeren,
Dat weag\'t in bruwz\'t for \'t Heijtelan;
Dij schil dit erf fen tuwz\'nen jierren
Bewerje, hoasck, az \'t heijligst\' pan.
Ja, Frieslans teal iz \'t djoer tresoor,
Waems schatten, meij ondoafbre gloar,
Europa\'s wijz\' ynn\' eagen blierje;
Wierijn de deugd, de kreft in moed,
In \'t rjuecht in sljuecht so hymmels glierje:
Dij teal iz d\' erfd\'-seijn fen \'t ad bloed.
In nou, schoen\' w\' az in slaev\'ne-buwn\',
Bedobje d\' oerfloed fen eijn gruwn?
Nou schoen\' wij liende flaerden toaijey
Jitt\' hingj\' oon freamde klang, az sot?
De muwH\' neij uwtlanz grijmanck ploaije?
In wezz\' de wrad to schimp en spot?
Nee, — \'t friesck team steart her teal naet aef,—
Him frett\' de dead, wa wif en lef,
Op Fransboers noazteal wijfs foreallet;
Hij kert for frijheijt slaevernij,
Wa ljeafst meij freamde fraenjen preallet.
De Fries eert Heijte-teal, — blieuwt fnj.
^1^^
-ocr page 71-
65
xxxviii. Master Jan hie wol gelyk
feu H. van WARNEKS.
Bist\', batske Fries! sa laf fen sin,
Bnïkst\' frjemde wirden, net to min,
Hast\' frjemde gritsen yn \'e holle,
Draegst\' frjemde franjes, al to folie,
Bist\' slij nei frjemde swier en swaei:
\'t Stiet mei dyn „frijheit" mear as faei.
Mar, stoere Fries! sa geef as kryt,
Is dit dyn stribjen, \'t eabel wyt:
„\'k Bliuw frij! nea rin ik foar de kroade,
As laffe slaef ten twang of moade,"
Dan, oan dyn léste sike ta,
Scil \'t Frysk yn dy in stipe ka.
Jong Fryslan! smyt üs tael net wei,
Mar stribje d\' alde Friezen nei.
Wol nea dyn memmetael forleare,
Hald, rjucht en sljucht, it Frysk yn eare.
Lit üs nei master Gysbert sjen,
En dokter Eeltsje, Frysk e bern!
Mij i\'itlansk grienmank, jonge Fries!
Striid for üs tael, jow gjin bilies,
Hald jimmer aldfrysk bloed yn d\' ieren,
Ja, bliuw in Fries yn bert en nieren,
Striid waerm en krigel, frij en roun
For d\' eare fen üs Fryske groun.
Op! jonge Friezen! help dan mei.
Lit Walingom, op d\' alde dei,
Syn jounskoft, doch net fen üs sizze,
Dat wy, trochslüch, to sliepen lizze,
En wekker wirde — licht to let;
Dat woe \'k for tüzen goune net.
-ocr page 72-
66
xxxix. Ut „De Terp"
fen E. HALBEETSMA.
As ik oan myn bernejieren,
Oan dat golle boartsjen tink,
Wrald, hwet binne dan dyn skatten?
Hwet is \'t goud mei syn geblink?
As de Maitiid oer it lan
Blomkes struit mei mylde han,
O, hwett\' wiern\' w\'as bernkes blij!
Alde terp, ik tink oan dij.
As de earste bonte flinters
Flodderen fen blom op blom,
En de earste 1 jurken songen,
Waerd it bernehert sa rom.
En de earste rin wier den
Fen de lytse skoallebern,
Hien\' wy fen \'e skoalle frij,
Alde griene terp, nei dij.
As de lytse foarjiersblomkes
Wrotten troch it griene krfld,
Rollen, trüzlen wy sa jolich,
Hoallefoallen wy sa lud.
Jagen wy de lea dan oaf
En de skonken wirch en doaf,
O, hwet leine en rêstne wij,
Alde terp, dan swiet op dij.
Och, myn bernejieren fleagen
Lichter as it swerk foarbij,
Mar dyn griene leave blomkes
Binne alle maitiids nij,
En in oare, nije jeugd
Het op dy wer wille en freugd;
En liz ik it libben oaf,
Alde terp, wird dan myn hoaf.
-ocr page 73-
67
xl. Ut „Fryslan boppe"
fen WALING DYKSTRA.
Noardske Balke, No. 2.
Fen alle lannen op \'e wrald
Is \'t Fryslan, dêr ik \'t meast fèn hald.
Hwêr \'t oaren ek op romme,
Op fruchtb\'re fjilden romme wy,
Op blinkend noat, op glêdde kij,
Yn greiden, moai biblomme.
Fen alle talen op \'e wrald,
Scil \'k Fryslans sprake, ryk en ald,
Altideu meast biminne.
Lit follen dêr op smeule en dwaen,
Dat is dy ljuwe ta to jaen,
Omdat se üs tael net kenne.
De seden fen in echte Fries
Binn\' \'t dy ik fier boppe oaren kies;
O, mocht ik him mar lykje!
Ienfaldich, sonder wyn en blast,
Rjuchtüt en plat. In Franske kwast
Moat for in Stanfries wykje.
Ja, reisgje frij de wrald yn \'t roun,
Hwêr wirdt in twade Fryslan foun?
Wy doare drystwei roppe.
Us alde Fryslan spant de kroan,
Gjin lan op ierde komt dêr oan,
Wy sjonge:
.FRYSLAN BOPPE!"
-ocr page 74-
YNÏÏALD.
1.
Ut de „Blide Bernkes,"
. fen
E. Halbertsma.
2.
Simmermoarn, . . .
ft
Waling Dykstra.
3.
Mem en de Famkes, .
•n
H. van Warners.
4.
Sinteklaes-sankje, . .
11
(\'. Wielsma.
.").
Fekansjesang, . . .
n
H. van Warners.
(i.
Ljepperssankje, . . .
»
C. Wielsma.
7.
In Snoek, .....
•n
E. Zwart.
8.
Reedriderssankje, . .
•n
J. Hornstra.
!).
It Swealtsje, ....
n
V. Wielsma.
10.
Memme Rjuchterhan, .
n
H. van Warners.
11.
Us Beppe,.....
ft
0. Wielsma.
12.
Myn Wouter.....
n
H. van Warners.
13.
Us Bijke......
ft
0. Wielsma.
14.
Yn \'e Snie, ....
v
E. Zwart.
15.
Rein en syn Klompskip,
•ft
C. Wielsma.
16.
Net plus,.....
•ft
H. van Warners.
17.
Op it Skoalleplein, . .
n
J. Hornstra.
18.
It lege Plak. ....
IT
E. Zwart.
19.
In Kinst,.....
V
C. Wielsma.
20.
De rike Jonge, . . .
It
H. van Warners.
21.
De lytse Boer, . . .
•ft
C. Wielsma.
22.
Trochstrikers en Klunhakki
m „
H. van Warners.
23.
Reedriderssankje, . .
•n
0. Wielsma.
24.
Bange Hans, ....
ïï
H. van Warners.
25.
De Skoallekies, . . .
»
H. van Warners.
26.
Soldateboartsje, . . .
ft
H. van Warners.
27.
De lytse Jager, . . .
ft
H. van Warners.
28.
Murk en Mop, . . .
ft
H. van Warners.
29.
Hwa Sjak wie, . . .
ft
C. Wielsma.
30.
Hwet Sjak ütsette, . .
ft
0. Wielsma.
31.
Hwér Sjak bilanne, . .
ft
C. Wielsma.
32.
Nei omke Jan, . . .
ft
H. van Warners.
33.
Ho\'t üs foldien het,
>}
H. van Warners.
34.
Sims to gau great, . .
ft
H. van Warners.
35.
It Berneklokje, . . .
»
C. Wielsma.
36.
Ut „Reamer in Sapc,"
ft
Gysbert Japiks.
37.
Ut „De Fries\'ne Teal,"
ft
Jan Salverda.
38.
Master Jan hie wol gelyk
n
H. van Warners.
39.
Ut „De Terp," . . .
rt
E. Halbertsma.
40.
Ut „Fryslau boppe," .
»
Waling Dykstra.