-ocr page 1-
L<<,
ü\\m o/oi
3
¥-
-"%\'
/
FOK SPEEKREES EN LEZERS.
MJE GRAPPIGE TELTSJES,
■sr^r ossj-^-stim:,
TROCH
S. K. FEITSMA,
Skrjuwcr fen I.s Bytsje ukt 1\'oi.lk, S.vun ris sü.m, ensfth.
$fe%
;
—c§§>
PRINTE BY F. HESSEL,
op \'t Hearrenfean.
/
^_
-ocr page 2-
-ocr page 3-
H
FOK SPKEKKEES EN LEZERS.
N1JE GBAPPIGE TELTSJES,
TROCH
S. K. FEITSMA,
Skrjuwer fen In Bytsje i\'et Folie, Saun nis som, ensfth.
priis \'M ctn.
PfllNTE BV F. HfiSSEt,
-ocr page 4-
-ocr page 5-
For Sprekkers en Lezers.
1. DE BITSJOENDE PAR8EAM.
Der wier ris in hear en dy Ine in faem om de
huwshalding for him waer to nimmen. Nou wier dy
huwshaldster in tige tsjep frouminsk en dy hear hie
yet sa\'n min gesicht net, of hy koe dat ek wol sjean.
Troch dy wei krige er al gau smicht op hjar en woed
er uet noch yn net lije, dat se ris in fnjer krige. Mar
om hjar ta syn wiif to freegjen, dat kaem net yn him
op. Dêrfor seach er to heech. Dat hie de faem wol
yn \'e rekken en dcrom woe se ek neat fen him wite.
As in fatsoenlik frouminske, lyk as hja wier, hie se
ljeaver in earlike forkearing mei ien uet hjar stan en
die hjar miende. Koartom, hja krige forkearing mei
de feint en \'t plan wier, hja scoene de lapen by enoar
smite sadré se togearre in bistean hiene. Mar hja lie*
ten hjir tsjin nimmen eat fen skine — dat dy hear
it net wys wirde scoe — om, hja wisten wol. cara
wierne hjar konyntsje-dagen hjir uet, en hja hiene
yet neat om sels de huwshalding op te setten. Lokkich
for hjar bleau dizze fen dy frijerij onkindich en de
measte part hiene er ek gjin erch yn. Mar der wier
doch ien, dy er cat fen mirken hie, en dat wier la
go«\' frjeuft fen de hear, dy er we! gau ris oan huWJ
-ocr page 6-
i
«
kaem. Dy goe\' frjeun wier in bjuster aerdich man,
of eintlik in rare bruijer; lnj wier mei alle ljue gemien
en in earste bysfeinr, dy altyd nocht oan grappen hie.
Sa makke er wol gau i\'s in praetsje mei de feint.
—   Jonge, sei er op in kear tsjin dizze (hwent hy
woe bim ris tantsje), \'t fait my óf fen dy, datste yet
net mirken heste, ho\'n gnap frommis jimme huwsfrou-
faem is. My tocht, do hieste bjar al lang ris in tuetsje
ontstellen . . . Scoest\' dat wol dwaen doarre ?
—  Ja wis wol! sei Jan (sa hjirte de feint).
—  Ek wol as dyn bear der by is?
—  Nou dat wit ik sa lyk n\'t.
—   Dat scoe\'k, as \'k dy wier, ek mar net onder-
lizze, hwent den scoe dyn hear wis tige lilk wirde en
dy foart jeije.
—  Sa mal scoe \'t, tink ik, yet net komme.
—  Nou, harkje ris: aste bjar in tuetsje jaen doarste,
dat dyn hear it sjucht en hij wirdt er net lilk om,
den ,.,... .
—  Nou, hwet den]?
-— Den krijste fen my tuwzen goune; mar ik wit
Wol foaruet, dat ik se dy net ta hoech to tellen.
—  Om tuwzen goune, dat ik it doch.
—  En dyn hear scil net lilk wirde?
—  Hy scil er net lilk om wirde.
—  En honear scil it wêze?
—   Hjoed yette, as \'t Mynhear goed is. Ik haw er
al hwet op bitocht om de tuwzen goune to fortsjinjen.
—  My is \'t goed... dos hjoed ... ófspritson.
De goo\' frjeun lake al by foarrio om de grap, dv
er blübje 8Cüo en Jan laks uk, hw«t <ty tuwaon goune
-ocr page 7-
s
likcn him moai ta. Mei aa\'n somme scood er der uet
wêze en syn eigen baes wirde kinne.
Harkje nou goed ta, frjeunen, hwent it moaiste
komt yette.
De oerdeis sieten se mei lijar tnjen yn \'e tuen on-
der it skaed fen in parbeam to thédrinken. As ik siz
mei hjar trijen, den mien ik: de liear mei syn huws-
lialdster en de goe\' fijeun. Jan wier dor in eintsje öf
en pielde uet skyn saliwet om Mar hy seach uet en
troch fen syn wirk op en nei de faem, om hy hie
hjar al mei syn plan bikind makke en hjar ynskuend
hwet se sizze moast.
Do er hjar don sabcare sonder erch foarby scoe om
vet eat to bioarderjen, róp hja him en sei: 11 ea Jan,
dêr hingje yet sa\'n pear moajje kykapels, parren mien
ik, dy moaste al tbr ues ploaitsje.
—   Jonge ja, sei de hear, dat moat wêze. To Jan,
do kinste yet wol kladsje.
Jan kleau as in kat yn \'e beam, mar do er de
parren plöke hie, bleau er stil op in tuwke sitten en
seach de ljue oan, krekt as er biskamme wier.
—  Nou, sei de hear, ho is \'t, bist fen sins om dêr
hjoed te bij uwen?
—   Mynhear, andere Jan, itjinge ik sjuch bikomt
my sa nij, dat ik er al hiel fen ontskruve bin. Ik kin
siker hast net del komme, sa sit it er my fen yn \'e
skonken.
—    En hwet sjuchtste den, dat dy sa oerstjuwr
makket? — frege de hear binijd.
—    Moat ik dat ek yet sizze? Fy, mynhear, jy
meije jou skamje, dat jy hjir by ljachtskyndei en foar
-ocr page 8-
6
allemans each mei de faem uitte to frijen. Dat hie \'k
net fen jou forwaehte.
—  Hwel seist\' dor, smjeunt? Ik mei de faem fnje!
Ho krijst\' dat yn \'e hersens?
—  "Wel ik sjucli it ommers foar myn eagen en . . .
oars ha \'k it my sa sterk forbylde.
—    Mar dat is ommers net moulk! sei de hear.
Soks kin nin ien him ^foarbyldsje, of hij moat puwr
sljucht wêze.
—   Of de parbeam moast bitsjoend wêze, dat scoe
ekk wêze kinne, sei de faem, — hwent hja hie hjar
rol goed fen buwten leard.
—  De parbeam bitsjoend ?\'
—   Ja, ik stel bygelyks de parbeam is bitsjoend,
en nou kin immen, dy er yn sit, him dêrtroch wol
forbyldsje eat to sjean, dat yn wierheid net bart.
—    Dat mat ondorsocht wirde! róp de hear, dy in
bytsje lichtleauwich wier.
Dit sizzende klantere er sels yn \'e beam en do er
dêr boppe yn siet, sloech Jan de faem de hannen om
\'e hals en tuette hjar, dat it klapte.
—   Jan? róp de hear uet \'e beam, siz my nou op
dyn consjinsje óf, fnjste dêr mei de faem of net? ik
kin net oars sjean as datste dêr drok mei toset biste.
—   Ikke ? né, mynhear! andere de feint, sabeare
onnoazel, dor tocht ik like min om as om de uwre fen
myn dead.
—  Nou, den ha \'k it my mar forbylde, en den giet
it my krekt lyk as dy niis, sei de hear wer, mar den
is er ek gjin twivel oan, dat de beam bitsjoend is.
Jan, jonge, ik forjow it dy, datste my niis sa on-
-ocr page 9-
1
rjuchtfeardich bitige heste, dou koest\' it net helpe, —
mar dy beam scil er uetl
Jan hie lykwol mei de \'faem frijd en de hear hie
\'t sjoen en wier er net lilk om woar\'n, hwent hy
miende, dat er \'t him mar forbylde hie. De feint hie
do^s de tuwzen goune earlik woun, en de goe\' frjeun
halde syn wird. Hy jowch dy somme oan Jan en
dizze troude al gau dêrop mei de faem. Do earst waerd
de hear wys ho se him te fiter hawn hiene en hy
skamme him om syn eigen lichtleauwigens.
DE APEN EN DE POANNEN.
In earme suteler kaem onderweis troch in bosk, dêr
in hiele bulte apen tahalden. It wier om middei hinne
en ues man hie \'t hiele moarnskoft roun. Warrich en
ongedien fen \'e lange tochte en yet mear oan ein fen
\'e waermte, gyng er einlings sitten to resten oan \'e
foet fen in njuwte kastanjebeam. Mei gauwens bifoelen
him de lea en waerden him de eagen stiif fen sliepri-
gens. It wier as it plak him uetnoege om te sloegjen.
Boppe him wier in ticht forvvulft fen skadige blêd-
elen. — om him hinne in tsjuwke laech moas, dat
droech en sèft wier. De keapman wachtet net lang om
syn wirrige lea lins to jaen en giet lizzen sa lang as
er woexen wier op it sêfte tapyt, dat de Natuer him
dêr spraet hie. — Mar, tinkt er, ik kin \'t my yet
nofliker meitsje. Hy docht syn reissek iepen en hellet
er in poanne uet, dy mei m«ar oaren syn hiele ne-
-ocr page 10-
t
goasjo uotmakken, hy set de poanne op, giet wei\' liz-
«en, docht de eagen ta en — sliept yn.
Nou hie ues man nammers net mirken, dat er yn \'e
beam, dêr \'t er op dit stuit sa noflik onder slomme,
in hiele rest apen tahalden. Mar amper is er yn
slept, of hja korame f\'en alle kanten opsetten. Yn in
amerij is de hiele sek leech helle en liet elts fen hjar
in poanne op \'e kop. In setsje dèrnei wirdt de keap-
man to wekker.
Is \'t wier, of forbyldsje ik it mij ? tinkt er. Mar nc,
it is mar al te wier. Gjin sek mear to bikennen, of
Ijeaver gjin poannen! Bisoud sjueht er syn reissek —
niis sa roun, sa swier, mar nou leech —, as in om-
klaeisel sonder foarm, uet enoar teard, en neat mear
wirdich om \'t er neat mear yn is. Bistellen! — ik
bin bistellen! ropt er uet. En hy springt gysten oerein.
Op de biweging, dy er hjirby sa hommels makke,
bigjint er hoppe him yn \'e blêdden eat oan to gean.
De ongelukkige sjueht op en fornimt in hiele kliber
apen, dy fen de iene tuwke op \'e oare hippelje en
elts mei in poanne op. Sa folie apehollen, sa folie
poannen, dy him sa \'t liket yet uetgnize. — Ho scil
er syn eindom wer knje? De apen eftornei? Mar hy
kin like goed de hiele bosk yn\'e buwse stekke. Ein-
lings mient er in middel foun te hawwen, en nou oan
\'t smiten mei stiennen. De apen, net sleau, smite like
hird werom mei kastanjes, dy as hagel en sied op
him del reine. Hij racht de dieven uet, hja anderje
him mei wanluwdieh geguwl. Alhiel puwr en yn \'e
miening, dat syn hiele eindom for him forlern is,
stampt ues maet mei de foet op \'e groun en grypt
-ocr page 11-
9
woedend nei de jioanno, dy er vet op \'e holle hot.
de ienichste dy se him halde litten hiene, dêrop kletst
er\'in mei foarsje jin \'e groun. Der hied er mei begjinne
moatten hwent de apen, ek dit syn dwaen neifolg-
jende, skuorre op slach de poannen öf, krasse op \'e
tosken en litte it poannen op \'e keapman reine. Me
kin wol fen tinken ha, dat ues man net sloech wier
om syn poannen op to fandeljcn en yn \'e sek to trjuwen.
Lokkich, dy net oars as mei sokke domme dieven
to dwaen het.
3. OP SKOALLE.
Uet Aldomke bernetiid.
De master, der \'t ik to\'n earsten by op skoalle en
yn \'e kost gien ha, wier in lyts grou keareltsje, moai
reafallich ten troanje en mei in keale plasse. \'t Is
krekt as \'k him noch sjuch, wylst er mei syn koarte
kromme skonkjes kein de buorren lans teantet en for
alleman, dy him tomiette komt, syn greate fiifkop öf-
nimt, hwêrtroch de mannich grize hieiren, dy er yet
bihalden hie, yn \'e wyn flodderen. Hij droech in koarte,
forwielene broek mei silverne kuwtgaspen lyk as by
aids de moade wier; mar dat klaeijingstik hie jim-
mer it oansjean, dat it to koart wier of dat syn baes
jamk op \'e knibbels laei, om \'t it stees de öfprintsels
fen dy lichemsdielen to sjean jowch. De buwsen fen
syn klinkbuiske gappen as in oun, krekt as se hon-
ger hiene, en howol de master de hannen blank hie,
-ocr page 12-
-10
lyk as alle ljuo, dy er net mei arbeidsje, dy buwsen
waerden op \'t lést doch jimmer snuesterich en glim-
mend. Yn d\' iene huwshalden syn buwsdoek en snuef-
doaze en yn d\' oare syn siden muwtske, dat er opsette,
sadré it kalder waerd.
De goe\' man hie ta oarehelt in wiif mei in troanje
sa smel as in limmes, like onsjuch en bienbitich as
sines roun en muwtel wier. Hja forweegde de holle
hieltyd fen d\' iene kant nei d\' oare en \'t wier oan de
kleur van hjar noas wol to ajean, dat se graech in taest
yn \'e snuefdoaze dwaen mocht. It minske hie gjin
bern; in dit opsjuch alteas hie de himel hjar Ijeafde
net seine, sa \'t hjar herte van Ijeafde oerroun hawwe
scoe, as se net in part dêrfen oerdroegen hie op in
mophountsje, sa great as in sanraep, (in bytsje langer
wol \'k leauwe) en mei neazige kromme poatsjes lyk as
fen in langskonkte spin. It Ijeave dier hjitte Azor
Syn hier hie deselde kleur as de frou hjar noas As
er roun, den wier \'t op sa\'n nuvere menear, dat syn
efterein en it puntsje van syn snute tagelyk by honk
kamen. It luwd fen Azor en Masterske skilde op in
del net sa folie, to sizzen dat it fen beide like skel
en triemerich wier. It wier klear, dat se om sa to
sizzen for enoar makke wierne Dêrom wier Masterske
ek tige mal mei hjar hountsje; mar hjar ljeafdefol
herte hie dêrom yet genegenheid oer, — en \'t wier
hjar geit, dy bim dêryn forhuge. Kekke, Azor en Mas-
terske makken yn wierheid in net to skieden trijetal
uet, sa \'t ik my yet hjoed de dei d\' iene net sonder
d\' oaren tinke kin.
De skoalle hie fen binnen it oansjean as er fen
-ocr page 13-
14
trjje keamers op \'e rige makke wier troch de mid«
delmuorren wei to brekken. De muorren wieme sa
ontheistere, dat op in hopen steden de bleate stien-
nen twisken de bipleistering to sjean wierne, — like
droevich om oan to skögjen as de earmtakken en knib-
bels fen in bidler troch de gatten fen syn forslitene
pluntsjes. Foar \'t middelste finster stie in soarte fen
houtene broek of sprekstoel for de master, in ding om
ende by as in taepkast {buffet). Efter yn dat buffet wier
in kastje mei twa doarkes, der \'t er de kaeijen stee»
fen yn \'e buwse hie. Oan d\' iene kant er fen hinge
in klabats mei in opstoppe stalle en op \'t ein mei
tsjuwke learene fiters. Tafels wierne er yn \'t fortrek
allinne for de greaten; de lytsen sieten op kattebank-
jes bij de muorre en learden hjar leksoms mei \'t boek
op \'e knibbels. As er leard waerd gounze it oer de
hiele skoalle lyk as yn in holdersnêst. Den wier \'t yet
op \'t moaist, — hwent it minste of geringste koe\'d
er ek net wêze of dêr leine de boeken en er boarstte
in heislik libben uet. Sommes kaem er in ketellap
om \'t er de forkearde doar for de rjuchte naem —
mei syn hiele soadtsje fen tsjettels, trachters, blaesbal-
gen, ensfh. op \'e rêch, yn \'e skoalle en frege sonder
erch of min ek hwet to laepjen, to kramjen, to slyp-
jen of to soldearjen hie. Op sa\'n stuit waerd de mas-
ter puwr, hwent it laeitsjen en huiljen (hui roppen) naem
ea\'n onbidige feart, dat er wol in ketier lang mei de
opfolde karwats op \'e tafel buwtsje en kettermintsje
moast ear \'t er stilte kaem.
As Masterske yn \'t selskip fen Azor en Kekke yn
\'e skoalle kaem wier \'t ek trévis for ues, nammers tp
-ocr page 14-
\'12
mear om \'t Master liim yn bywézen fen syn wiif net
Hik meitsje doarst. De iene krige den de geit bij de
honrnen, bij de sik, bij \'t oer of by de stirt, wylst
ouren de houn narren; dat jowch den in libben, dat
de beide aldtsjes roppe en raze moasten om enoar to
forstcan. \'t Komt my yet faken yn \'t sin, bo \'t op in
moarntiid Masterske yn \'e skoalle kaem mei de hanncn
fol daei oan \'e earmtakken ta. Hja hie yn \'t sin krige
om sels ris bóle to bakken, en wylst se it daei kliemtle,
krige se sa\'n sin om ris to snuven, mar koe mei de
daejjige hanncn net ta de doaze komme, déïom kaem
se by Master, dat dy hjar it snufke onder \'e noas
bringe scoc. Wy koere ynwindich wol fiele, dat do
man syn wiif yn stillens forflokte. mar hy liet er lijar
nei alder wenst neat fen skine. Hja halde liim dos de
noas ta om it snufke yn ontfang to nimmen en Mas-
ter liende er him eagenskynlik goedwillig ta om it
hjar to jaen. Ongelokkig wier dit troch hjar oanhal-
dend skodholjen in bihyplik krewei. Nei \'t er it dos
forskate reizen omdóch bisike hie, krige er foar \'t for-
stan om hjar mei d\' iene han de holle fèst to halden
en mei d\' oare hjar it snufke onder \'e noas to brin •
gen, hwcr \'t er op dy menoar den ek yn slagge. Sa
gau as se nou it hjar noflike kréveljcn fen \'e snuf
yn \'e noasters fiolde en hjar alhiel oan dy noeht ocr-
jowch, forgeat se lykwol, dat hjar hïinnen hielendal
mei daei bismodze wierne. Hja striek mei de han
onder \'e noas lans, lyk as snuvers plichtsje to dwaen
om de noflike fieling folmakke to meitsjen, en bi-
griemde sadwaende hjar hiele gesicht mei moal. Wy
hiene ont nou ta mei de eagen buwten de holle en
-ocr page 15-
13
de muwle yn \'t kear, mar doch yn alle stlllens sitten
to wachtsjen ho dit spil ófrinne scoe, — mar nou
guwlden wy \'t uet fen kleare bare wille, wy skuorden
ues de buwse uet fen laeitsjen en skopten en stamp-
fuotten mar raek! Mar dy oerdwealskens waerd ues
yndroege, uet sunich! Ear \'t wy er om tochten kaem
Master de rige lans om ues oui to gean, buwke der
op as wierne wy stokfisk en rachte ues uet for Ben-
gaelske tigers en lykfol hwet, — howol wy ues yn
wierheid fodsje lieten as in keppel lammen.
(De earme master wier dy tiids yn ues each in
bjuster stuit en onforstannich man. mar letter, nou ik
alles better ynsjuch, forjit ik graech ^it heislik wan
bruijen, dat er ues om in hirtsje elk syn bar taparte,
om allinne mei meihjen oan him to tinken. Moast er
bij \'t einsluten net in sekfol gedild ha om it moulk
to meitsjcn, dat er yet inkeld ris in goed sin hie, to
wile wy him oanhaldend mei ues skarlunige fiten
pleagen ?)
Op in kear dat er syn snuefdoase uet \'e buws helje
scoe, jowch er in luwde guwl fen him. Oan dy han
hinge in greate libbene kreeft, dy syn finger yn \'e
knipe hie. Op in oare kear rolle de wetteramer, dy
oer de skoalle stie om ues to boarnen as wy toarst
hiene, yn ienen oer de flier, troch dat wy wrakselen
om er it earst by to kommen en d\' iene d\' oare neat
tajaen woe.
Howol de skoalle sa great wier as tnje gewoane kea-
mers mei enoar (sa\'n langejammer!) waerd er stookt
yn in kachel, dy net folie greater wier as twa fuws«
teiit It wier ia wftrte fen mtm bi»lftoh«pft op trjjg
-ocr page 16-
U
poaten en mei in stoartene tromp as in lid er boppe
op, — dat wier \'t fatsoen. As \'t fuwleindige kald wier
bleau dy read fen gleanens sa lang as de les duorre,
hwet lykwol net weinaem, dat wy suver bifrearen, sa
gau as wy er in eintsje by wei gyngen, sa bot wierne
de glêzen mei iiskoarsten en juwkels biditsen en sa
siigde it troch de gapjende doarskreven. Om net hiel-
endal to forklomjen mochten wy by kloften elk ues
bar om \'e kachel stean om te ontteijen. Ho mannich
kear ha wy, wylst wy dêr sa stoene to brieden en
elkoar krongen, de kachel omreage lyk as mis de
boarnamer, sa \'t de loge omheeg gyng en de gleane
yeske withwêr sa\'ne stau.
By \'t winter hie de master buwten my, yet inkelde
kostlearlingen, bingels uet oare doarpen dêr om hinne
wei. De ierdapels wierne dat jiers min bislein en do
kost wier al folie koalrapon, — hwet al te faek nei
ues sin. Soks jowch oanlieding ta in nije grap.
Op in nacht wirdt Masterske yn ienen to wekker,
troch dat er hjar eat kald en glysterich oer de
noas hinne striek. Heal kei en heal nidich draeit se
hjar yn \'t bed om nei hjar man ta dy rêstlik en wol
njunken hjar laei te snoarkjen, as wist er fen gjin
kwea. Master, onsêft uet \'e dodde te wekker makke
en yet yn \'e sliep bitiisd, wit net hwet er oan is. It
wiif wol leauwe, dat se droge het en lit de holle wer
op it kjessen tobek falie. Doch hja is mar amper wer
yn slept, of it selde kalde etreakjen begjint op in nij.
Troch dat se nou de Mn oan \'e noas bringt, fielt se
in knoarre koalraep, dy omdóch bisiket otn wer op to
m«wra nei it plak, dêr \'t er wei komd liket to
-ocr page 17-
16
wezen. Masterske nou wol grif er op dat it gjin dream
is, bigjint om help to roppen. Master, giet of \'t bêd,
stekt it Ijacht op en nei folie siikjen omdöch wirdt de
saek einlings opklearre. Ien fen de kostlearlingen hie,
do er in amerij allinne thues wier, dat stik koalraep
ophinge oan de kop fen \'t ledikant en op in manear,
dat er it Masterske krekt op \'e noas sakje litte koe
mei bihelp fen in tou, dat er op en del loek. Do er
Master mei \'t Ijacht oankommen seach, liet omkoal it
tou loa en scoe hird wer op bêd, mar, \'t wier to let.
Hwet hjirop folge kin me fen tinken wol ha. De oare
moarns waerd er for skelm weijage. Dizze set for-
makke ues ta de teannens-ein uet, mar wy wierne it
er doch ek oer iens, dat de straffe net onfortsjinne
wier.
Hjir mei sluet ik it forhael fen de fiten, dy wy yn
ues skoallegean uetsetten. De lezer het er genöch oan
om to begripen, dat wy op sa\'n hegeskoalle net
bjuster geleard wirde koene.
4. Landlike uetstap fen in Stêdman.
Klaes ïteechflecht hie syn hiele libben sa ald as er
Wier trochbrocht yn \'e stêd, der \'t er to wrald komd
wier. Hy hie sa wol ris in wike of in fiertsjien da-
gen uetfenhuwze by syn omke, dy in pear uwre fen
\'e stéd óf op in buwtentsje wenne, mar dat hie ek syn
jpeatste reis west, Nou nwatts jirame dêrom net tiake,
-ocr page 18-
16
dat er net fen reisgjen halde of net graech buwten
\'e stêd forkeare mocht: O heden né! krekt oarsom.
Faker as ienris hied er wol by him sels tocht; Hwet
woe\'k graech, dat ik hjir net altyd binnen de milor-
ren opsletten hoegde te wezen; hwet scoe \'k it aer-
dich fine, as ik ris in reiske nei buwten dwaen mochte
en my yn \'e frije Natuer foimeirsje! Soks lieterfaek
yn him omg ean, mar \'t hie him yet nea barre mocht,
dat er hjiryn syn winsk krige.
Do Klaes in jier of toalf ald wier, trof him it on»
gelok, dat syn beide alden koart op enoar kamen to
forstearren, en syn omke, der ik niis van sei, waerd
do f oud oer him Dy bistelde him op in skoalle, hwêr
\'t er hwet mear leare koe as sljucht hinne en wer en
in jataoenlike opfieding krige. Nei in jier of trije hied
er dêr safolle leard, dat er nei syn omke sin nou
manske-nöch wier om to learen ta hwet dizze ornearre
hie. dat er wirde moast, to sizzen: notaris. Dêrta kaem
er do by sa\'n mynhear op it kantoar, mar do gyng
it yn \'alles net mei Klaes, lyk as syn omke fen him
forwachte hie. De boai hied er neat nin nocht oan
om dêr hiele dagen foar de lessener to sitten en yn
allerbanne alde pompieren om to noaskjen. Gans ljea-
ver halde er him bezich mei it lézen fen boeken, dy
de nocht fen \'t lanlibben op \'t moaiste uetbyldsje en
biskrjuwe en mear dichterlik as wier binne Poot\'a
jM-erleven, dat oa bigjinti
Hoe genoeglijk rolt het leven
Des gerusten landmans hoon,
ën ftl «ökke stikken mocht er bjuster graech lejte en
koed ev fowlmti fen buwttHi JEn bv niRkke ueli ek
-ocr page 19-
il
Wol ris fêrsen yn dy trant, dy soms wol aerdich wieme
om to lézen, mar hwêr \'t er fier.s to folie tiid mei for-
malke, sa \'t er fen syn learen net folie kaem.
En derby waerd trcch al syn lézen syn langst stees»
oan greater om de stêd ris for in tiidlang to foilitten
en al it moaije, dêr \'t er fen droge, mei eigen eagen
to sjean, dat syn piakkesaesje dêr al meast oer gyng.
Troch dit ien en \'t oar helle er him wol faken in
foege biskrobbing op \'e bals, mar hy steurde him dêr
trochstiings net lang oan en treastge l.im er mei, dat
er mei in jier of hwet syn eigen baes wirde, en it
erfskip fen syn alden yn\'e bannen knje scoe,
Dy tiid wier einlings oanbritsen, en do wachtte er
ek net lang om fen syn fryheid gebruwk to meitsjen,
syn forfeelsom skrjuwersbaentsje oan oaren oer to
litten, dy er mear nooht oan hiene, en in reiske to
hawwen, dêr \'t er sa faek al nei torlange hie.
Do \'t syn reisplan makke Wier, hied er, mei help
fen \'e faem, hwet klean en \'t iene en \'t oare oars,
dat er onderweis nedich hawwo koe, yn in njje
forwielene reissek treaun, de hier fen syn keamei\'
bitelle en oarder jown om him de oaremoarns bytiid
to roppen, hwent de diligence ried om saun uwre nel
G.... in doarp, dat sahwet in uwre of fjouwer gaans
fen \'e stêd óf wier. Tsjinwiidich kin me dysolde reis
yn ytlike minuten dwaen, tossen i mei de spoarweitii
Dy tiids wieme er lykwol sa rounom yn uos lan yet
gjin spoarweyen lyk as nou, en me koe doe fen \'e
stêd óf nei GK,., td ek net oars komme as mei de*
Wein, fl« me (tammera syn «konken net bruwke woöi
-ocr page 20-
18
— Me begrypt hjir uet, dat it al gans in tiid lyn
is, hwet ik hjir fortel.
It reisgjen gyng do fensels net sa gau en sljucht-
wei ljuwe kamen er dêrom ek safolle net oer gear,
as \'t net for hjar saken nedich wier. Dit wier den ek
al in reden mei, dat Klaes Heechflecht nea safier
buwten \'e poarte west hie as er nou komme scoe
Seis uwre de moarns wier Klaes for safier ré, dat
er syn moarnbrea bipluze en in pantsje-fol thé dron-
ken hie. Hy bitocht him yetris of er faek ek hwet
forgetten hie, dat yet yn \'e reissek moast, mar né,
alles wier yn \'e heak. Dêrmei de klean oan, en —
in healuwre letter stied er yn \'e doar en naem ófskie
fen \'e ljue, dêr \'t er wenne, en mei in ^plezierige
reis!« en »\'t beste !« sette er stap nei De ff ouden Leeuw,
hwent dêr ried de wein óf.
Hy hie de gongelstók yn \'e han en in jonge droech
syn pakje nei de wein.
Dizze stie krekt ré om foart, de hynzers wieme der
al foar en \'t oare selskip, dat nei G... reisge, siet
er al yn; Klaes koe dos mar dalik ynstappe. Hy hie
\'t yet krekt oan tiid om de jonge, dy syn pakje droe-
gen hie, gau in duwbeltsje to jaen, dy dêrop wol bi-
noege wer nei huws kroaske. De fuorman kleau op
\'e bok, lei de swipe oer de beide gudsen en — foart
gyng it.
It selskip yn \'e wein bistie, buwten de man, dêr
wy \'t oer ha, uet twa persoanen. De iene wier, oan
\'t uterlike 10 sjean, in keapman, dy mei stalen reisge j
de oarc in boor uet G..., dy nei de rtêcl west hie
m Mi d> pfUi fin \'t nót to forrtimmen.
-ocr page 21-
19
Der waerd de hiele wei oer net folie praet; de
keapman seach altomets yn syn oanteikenboekje, deri
ris nei buwten en jowch him einlings del yn in hoekje
om in sliepke to nimmen. De boer rekkene yn him
sels uet hofolle syn rogge dit jier opbringe koe as er
\'t goed binnen krige en tromme mei de fingers op \'e
bank, der \'t er op siet. En Klaes hie de holle sa fol
fen allerhanne prakkesaesjes, dat er ek gjin moeite
die om it petear oan \'e gong to halden.
Onder weis waerd er al ris pleistere en in oar span
hynzers foarslein, mar dat brocht yn de halding fcn
ues Ijue net folie foroaring to wei.
Einlings wier me dêr me wêze moast en stoep uot
\'e wein, ta bliidskip fen ues stêdman, dy de reis op
\'t lést al tige fovfeelde.
G . . . hie foaral yn \'e simmer in tige moai oan*
sjean, binammen troch de skjinne Natuor dêr omhinne
en troch dat wegen en kujjerpaden fen de biwenners
eptich yn oarder halden waerden, hwent hja wieme
der great op, dat frjemden hjar doarp moai founen.
Klaes hied er den ek wol ris fen hoard, dat itbjir
yn \'e simmer sa moai wier, en dêrom wier er nou ek
fen sins, hjir in dei mannich troch to brinjen, ear \'t
er syn reis forfolge.
Yn de herberge De wlte Bear tocht er sa lang to
tyjuwen. It wier in ald gebou, dat net allinne ta
Weardshuws tsjinnc, mar de Ijue, dy er yn wennen,
hiene tagelyk ek buorkerij. It huws fen foarcn wjt
bipleistere, en de gevel heal biside yn \'t skaed fen \'ö
linebeamen dy foar \'e doar stiene, — blonk yen fen
\'e wei 6f lyk^o! frjeunlik to miette en lokke mannich
-ocr page 22-
20
Warrige of toarstige reisger, dy dat lans moast, nei
binnen. Foar huws, ek al yn \'t skaed fen \'e beam-
men, stie in bank, hwêr de boeren sa jouns wol gau
ris by enoar kamen om in glêske to drinken, hjar
piipke to smoken en to praten oer hwet de tiid sei.
Klaes gyng hwet op \'e bank sitten, nei \'t er oan \'e
kast\'leinske sein hie, him in glês bier to bringen. Hjir
woed er hwet bikomme, hwent hy wier wirrich en on-
gedien fen \'e lange reis yn in alde rommelkast fen in
wein, en onderwyl — tocht him — hied er tiid en
gelegenheid om in forgelikinge to meitsjen twiske it-
jinge er hjir seach en hwet er yn \'e boeken dêroer
lézen hie.
Hy hie lykwol net sa lang tiid as er tochte, om
mei syn tinsen allinne to wezen, hwent de kastfleinske,
dy him it bistelde bier brocht, wier nuvere praetsk.
Hja skynde net bigripe to kinnen, dat er graech in
amerij allinne wêze woe; hja rottele mar oan ien hinne
wei, en \'t scoe hjar raer talike ha, as immen hjar
sein hie, dat se sadwaende onbileefd hannele, - — hja
die \'t krekt oarsom uet beleefdens.
Klaes, dy nin oare uetwei seach om fen \'t minske
OU to kommen en onderwyl ek honger krige hie, frege
hjar do of se him in fiks middeimiel ré meitsje woe
en jowch fierder to kennen, dat er miskien de nachts
hjir ek wol bij uwe wolle scoe.....
Do wier \'t myahear foar en nel — earst neamde
86 him hopman — en ja, o hea, dat koe best, hja
scoe for alles wol soargje, en as kcnpman, mynheaf
woe 80 siaao, in aparte kearaer hawwe woe, dat koe
ek wol wirde, hwent nest in jier of hwet, do ee hjir
-ocr page 23-
2<
in njje brège boud hiene, do hie do opsichter fen dat
spil, in great hear, hjir ek syn thues hawn, en dy
hie yet sein, dat er fen dy keamer sa\'n moai uetsicht
hie, en al sokke praetsjes mear.
Einlings gyng se yn \'e huws om ien en oar to bi-
oarderjen.
Klaes, howol to\'n earsten hwet ongemaklik, dat it
babbelhaftige minske him yn syn oertinkingen steurde,
hie op \'t lést doch mei nocht nei hjar praetsjes harke.
\'t Is wier, tocht er, hwet ik fen \'t aerd der lanbi-
wenners lozen ha. Do foarmen fen \'t dagelikse libben
dêr binne se net sa goed mei bikend, mar dêr tsjinoer
binne se gol en wolmienend. Ho frjeunlik binne se
tsjin my, nou se wite, dat ik hjir in toarntsje bljuwe
wol, to wile ik hjar doch frjemd bin; dat is yet de
alde gastfrjjheid!
It iten wier mei in uwre ré, en mynhear koe syn
mieltiid halde yn \'e selde keamer, dêr nest jirren d\'
opsichter ek iten hie. It miei foei lykwol neat ta. Fen
alles, hwet er op tafel forwachte hie, lyk as allerhanne
njje fruchten en grienten, dy me, sa \'t er tochte, hjir
hast forgees krjje koe, — neat fen dat alles krige er
to sjcan. Yn pleats dêrfen: ier\'apels mei in saus, dat
folie op mosterstip like, en skiepflesk, dat bare toar
en mar hcal nóch wier. Derby yet in panne mei slaed
en in heal flesse wyn, ek al net fen \'e beste, om ien
en oar troch to spielen.
Dat foei him fen sels allegearre bjuster of, mar om
\'t er wol skroei hie, died er der noch al aerdich
hwet oan.
Nei iten stjek er in sigaer oan en woed er hwet
-ocr page 24-
22
kuijerje, mar ongelokkich bigoun it to reinen, dat It
casde, en hy moast dos wol binnen doar bljüwe. Om
de tiid doch oan ein to knjen, helle er syn skrjuwark
foar \'t ljacht om syn ondeifiningcn fen dizze dei, dy
him dêrta wichtig-onöch foarkamen op pompier to set-
ten. \'t "Wier lokkich, dat er \'t ien en \'t oar op reis
meinomd hie, oars scoed er miskien frij hwet spil hawn
ha, om hjir pompier en sa to knjen, hwent dy mins-
ken pielden net folie mei skrjuwen.
De jouns om in uwre of fiif seis wier \'t reinen op-
halden en sierlik moai waer, wol geskikt om in kui-
jertsje to meitsjen.
Klaes makke er den ek gebruwk fen en dit kuijer
tsje makke him fleurich en opgeromd. Howol hjir alles
net wier, lyk as er him foarsteld hie, biklage er him
doch net, dat er ta dit uetstapke bisletten hie.
Mei folie boarst amme er de hearlik friske loft yn
en biskóge mei wille de forskate blommen en kruw-
den, dy fen \'e rein opfleure as mei nei libben stiene
to pronkjen en hweroan de drippen troch de sinne-
strielen as goud en poarper blonken, \'t Wier in sier-
like joun en de Natuer sa moai, dat se sels hjar, dy
oars al dat skjinne trochstrings mei onforskillige eagen
sjugge, biwondering óftwong.
Ues stêdman, dy alles opmerksom biseach en mei njuw
om him hinne eage, wier ongemirken oan d\' oare ein
fen \'t doarp komd. Hjir stie in tropke beammen en hy
miendo dêruet it, slaen fen in nachtegeal to hearren.
Hy tocht er net om, dat de nachtegeal al lang mei
sjongen ophalden hie.
O, hwet klonk dat moai yn \'e stille simmcrjoun!
-ocr page 25-
23
Hwet hearlike stoffo for \'n dicht! En hy bigoun heaj
luwd in fêrs op te sizzen, dat er al earder makke hie
en him nou wer yn \'t sin skeat. \'t Wier just net op
\'e nachtegael fen tapassing, mar doch in dicht, dêr
fen \'t sjongen fen \'e fuwgels ynkaem, en dat sa bigoun:
Zijt welkom vogeltjes, die in de groene twijgen,
Weer vroohjk als voorheen uw zangen op doet stijgen,
Nu gansch Natuur herleeft, met jeugdig groon ^zich
tooit.
En overal op \'t veld \'t gebloemte zich ontplooit; —
De gouden zon weer schijnt met vriendelijke stralen,
Die met vernieuwden glans op aarde nederdalen,
Ja welkom vog\'lenschaar! uw duizendstemmig koor,
Dat door de lucht weergalmt, streelt aangenaam
ons oor,
Verhoogt den indruk van wat we om ons heen aan-
schouwen.
Van \'t schoon der bosschen en van groenende lan-
douwen.
En bij den schoonen zang, die aan uw keel ontvliet,
Voeg ik op eigen wijs ook aan Natuur een lied ! enz.
Wylst er dêr noch sa stie te mimerjen, kamen in
s ik twa jonges nei him tarinnen. Hja tochten dat
dy hear it paed troch de lannen nei H. — in doarpke
der tichte by — ta moast, mar yet yn kiif stie, of
dat de rjuchte wei wol wier. Ilja diene it hekje iepen
dat it lan fen \'e dyk ö<skaette, en wachtten, om \'t se
tochten, dat er freegje scoe, om him den de wei to
wizén, — alles op hope fen in pear cinten to krijen.
Yn pleats fen hwet de jonges forwachte hiene, frege
-ocr page 26-
u
Klaos lijar, of de nachtegael alle jonnen sa moai yn
dat boskjo song. Do ione soach d\' oare oan, hja laken
«ahwet to muwk, mar seijen ncat. Op \'t lést sei
de ieno:
—    Dat die ik, Hear! Bj\'uch hjirnei. En do liet
er Klaes sa\'n stiennen fluitsje sjean, dat mei wetter
fold wier, en om blike to litten, dat er wol sikersonk
wierheid spriek, bigoun er yetris op dat ding to blazen.
—    Mar, frege Klaes, en hy seach al hwet sneu,
jimme hearre hjir doch wol i\'s sa*n fuwgel sjongen
yn dat boskje?
—   O heden jawol, mynhear! sei de jonge, dy net
sa bang wier as er like, fen \'t maitiid koe me hjir
de nachtegeal alle jounen fluitsjen hearre, mar nou
sjongt er net mear, hwent hy het dêr in nestje, ik
tink mei jongen, mar dat wyt ik ek n\'t, hwent wy
meije er net bykomme. — de boer dy syn lan it is,
scoe \'t ues wol wysmeitsje!
Klaes jowch de jonges in pear cinten, en frege do,
of se him net sahwet bitsjutte koene hwêr it nest siet;
hy scoe \'t den mar ris weagje, tocht him, om dêr
hinne to gean, hwent hy hie yet nca nin fuwgelnêst
sjoen. Nou, it him bitsjutte, dat woene se wol, mar
der mei oan ta, dat doarsten se net, en - \'t like hjar
ek raer ta hwet bilang mynhear dêr by hawwe koe.
Klaes wadde lykwol troch "t lange gêrs fen \'e greide
om by \'t boskje to kommen en sa nei \'t plak, dat de
jonges him wiisd hione. Hy fielde lykwol al gau
dat er trochwiet om \'e fuotten waerd, hwent hy hied
er net om tocht, do er foart gyng, om syn pantoffels
uet en de learzens oan to tsjean. Om syn soundheid
-ocr page 27-
2.-5
doarst er \'t net woagjc sa yet langer om to rinnen,
en hy pandere wer nei syn lózjemint torêch, desclde
wei lans, dy er niis komd wier, mar sa binoege net
as yn \'e hinnereis.
Yn ienen dêr heai\'t er efter him in luwd geskatter,
en do er omseach fornaem er in tropke lju, manljue
en frouljue, dy fen \'t lanwirk thues kamen, Hy hied
er earst nin erch yn, dat er sels de man wier, dy
dy froalikheid geande makke, mar dit waerd him al
gau klear; in greate, opsluwpene jonge mei in sekfol
skieppe-iten op \'e nekke, hearde er sizzen: Ha jimme
niis de nachtegael wol heard? Dy song sa moai kin \'k
jimme sizze, sa moai, dat in hear mei bonte hoassok-
ken oan \'e fuotten er wit ho lang nei stien het to
harkjen en einlings in pear wiete fuotten helle om
de fuwgel, dy sa moai song, fen nei by to bisjean.
En dêrop bigon it laeitsjen wer op in nij, dat it sa
hwet die.
Klaes begriep nou, dat se him bidoelden en dat dy
snaken fen jonges, dy er noch wol cinten jown hie,
him dit lapt hiene. Lokkich wier er nou tichte bij syn
lózjemint en hy roun hwet hiider oan om it giisgob-
jen fen dat folk binnendoar to ontgean.
Warrich en ongedien socht er syn keamer wer op,
liet him syn jimmet bringe en in waerme stove, en
do er syn fuotten wer droech en syn mage hwet for-
sterke hie, gyng er yet ris nei onderen — hwent in skille
wier er net yn \'e keamer — om to sizzen, dat se him
d\' oaremoarns om in uwre of acht roppe, en de kran-
ten boppe bringe moasten en do gyng er op bêd.
Yn \'t earst koed er net yn \'e sliep komme, hwent
-ocr page 28-
20
troch de opskoude ramten wier in hiele flite langskonkte
miggen nei binnen flein, en dy gounzen him nou om \'e
caren en stieken hira yn \'e troanje, dat it sahwet
die. Mar einlings krige de warrigens de oerlmn en
f\'oelen d\' eagen him ticht.
Hy slepte oan d\' oare moarns seis en saunen, do
syn sliep minder fêst waerd troch it for him onge-
woane libben, dat er yn en om huws bigoun to hears-
kjen. Boppe him songen de protters en oar fuwgel-
guod, dy op it tek en onder \'e pannen hjar nestjes
hiene, op allerhiinne wizen. Efter yn \'e skuorre kea-
kelen de hinnen en yn \'t milhuws gyng de pols mei
stadige en oanhaldende slagen yn \'o tsjerne op en del.
Ues man hearde al dy luwden yn \'e sliep sonder se duod-
lik to ondcrskieden en sonder rjucht wekker to wirden.
Sa laei er dêr yn dy greate holle keamer, dy yet
ho langer ho greater like to wirden en einlings yn in
tuen te foroarjen, sa grcat, dat er fen alles en alles
yn to sjean wier: — hjir seach me beammen mei in
bluossemklaed biditsen, dêr allerhanne blommen, dy it
each tuwzenerlei kleuren to sjean jowgen, fierderop
in onmietlik great gêrsplak, hwer in keppel skiep fre-
dich de gêrskes ófpluzen — en tichte by, onder \'t
skaed fen in greate linebeam, siet in jongfaem op
bleate fuotten; hja frissele in krAnze fen bonte blom-
men, dy se plóke oan de igge fen in helder beekje,
dat sêft ruwzjend dêr foarby streamde. Dat wier do
harderinne fen \'e skiep. Mar yn ionen waerd hja wei
en op it selde sté siet in feint, dy in fluite uet \'e buws
helle en dêrop bigoun to blazen.... de skiep stieken
de koppen op, sa \'t li ke. om er nei to harkjen ....
-ocr page 29-
27
mar hja stouden uet enoar en gyngen op \'e flecht for
twa jonges, dy ek fluitsjes hiene; do bigouncn se mei
hjar tnjen muzyk to meitsjen op \'e maet fen in greate
tromme, dy in oaren op \'e nekke hie, en dat gyng:
bom! ... bom! . .. . bom ! dat Klaes er wekker fen
waerd, hwent hy hie dat fen sels allegearre mar
dreamd. Mar dat bom! bom! dioande bim yet yn \'e
caren en foart dêrop hearde er \'t wer. Dat wier lyk-
wol op syn keamersdoar
Hy tocht, dat me kaem om him to roppen lyk as
er \'t bisteld hie. Hy sprong flink of \'t bêd, teach gau
de hoazzen en de boppebroek oan, die de doar iepen
en. . . . dêr stie deselde boer foar him, dèr \'t er ear-
der mei yn \'e diligence sitten hie!
Hy hoegde net lang to hersenskraebjen oer de
frage hwet dit bisiik sa iere moarn to bitsjutten hie,
Dy kcarel bigoun dalik op to spatten, dat syn gêrs
sa towadde wier, dat gjin ien hwet op syn lan to
meitsjen hie as hy sels, mar dat er skeaforgocding
ha woe en oars scoed er \'t oanjaen by de grytman en
folie net genöch.
Klaes wier lykwol net sa gau bang to meitsjen as
me faek tinke scoe, of ljeaver, hy wier ien fen dy
minsken dy, fen natuer bang, soms fen greate moed
blyk jowe as se ienkear yn \'t gefaer binne. Syn goede
tinkwize oer \'t lanfolk wier sont er fen huws gien
wier ek al ytlike graden sakke en heal nidich, dat
me him op sa\'n onbiskofte menear yn \'e sliep steurd
hie, bigoun er de boer ek uet to fegen, sei dat dy
mar dwaen moast, hwet er net litte koe en mar han-
dich meitsje dat er foart kaem.
-ocr page 30-
28
Do kast\'leinsko dy it hiele pctear biharke hie, mar
der net
oer prate doarst, kaem om saün uwre mei
de thé en brocht him de sneinskrante — it wier tiis-
dei — hja sei, dat mynhear it krekt trof, mei de
krante woe se sizze, hwent dat se dy oars in dei
letter krigen.
Min yn \'t skik en yet ongerêst oer \'t bisiik fen \'e
boer, jowch er op al bjar riddenaesjes, dy yet folgen,
net folie acht. Hy klaeide him oan en bleau fierder
de hiele moarn yn syn keamer, en gyng do uet om
troch in kuijertsje yn \'t moaije waer syn sinnen hwet
to forsetten. Hy wier eintlik al heal yn \'e wille om
mar stil wer nei syn ald ketier yn \'e stêd to forhuwsjen.
Dizze dei lykwol scoe nochliker for him oan ein
gean as er forwachte hie, en hwet mear is, it begjin
wirde fen in nij tiidrek yn syn libben, dat oan dizz\'
tiid ta for in great diel yn dichterlik drögjen foarby
gien wier.
Ues stêdman wier yet net fen syn kiujerke werom,
do er in rydtuech dat fen d\'oare kant ynkaem, foar
I)e Wite Bear stilhalde.
Oan de nijmoadrige wein en it hynzer, dat er foar
wier, koartom oan \'t hiele reau wier \'t wol to sjean,
dat de eigener fen dat spil it skoan stouwe koe.
Dizze stapte uet \'e wein, wylst de feint, dy foaryn
sitten hie, it blêske\' uetspande en nei de stal laette
om it hwet foer to jaen, hwent hja moasten yet in ein
ride, ear \'t se wer by honk wierne.
De kast\'leinske, — dy altyd wakker yn \'t skik en
tige
praetsk wier as er sokke forname ljuo foar hjar
-ocr page 31-
29
herberge stil halden, hie mynhear, dy onderwyl yn *ö
huws komd wier, al gau allerhanne nijs to fortellen
en onder mear ek, dat se sa\'n fornamen gast to
hjarres hiene, dy hjir komd wier om de moaije om-
streken fen hjar doarp to sjean, en hwet se fierder
fen him wist.
Hja wier yet drok oan \'t reedjcn do de man, dêr
se \'t oer hie, fen syn kuijerke werom kaem en yn \'e
jachtweide gyng om ris to sjean hwa der siet.
Hy hie \'t rijdtuech foar de doar stean sjoen en
tochte moulk gelegenheid to habben om mei nei de
stêd to riden, hwent hy hie al skjin syn nocht fen
syn uetstapke nei buwten, — en de diligence ried
net foar de folgjende snjeuns.
De hear yn \'e jachtweide hie ues man sa gau net
yn \'t visier, of it kaem him foar, dat er de persoan
earder sjoen hie. Hy betocht him in amerij en op \'t
lést sei er:
— As ik freegje mei, binne jy mynhear Heech-
flecht net?
Ues stêdman sei, dat er sa hjitte, mar him riet to
binnen bringen koe, dat er mynhear earder oantrof*
fen hie.
De eigener fen \'t rydtuech — mynhear Van Ren-
ten — sei do: Jy moatte wite mynhear, dat jins Heit
by syn libben in frjeun fen my wier; jy wierne sa\'n
foege boai, do ik yet yn \'e stêd wenne en nou en
den by jimmers oan huws kaem. Sont binne er for-
Bkate jïerren foarby gien, mar jins wezen kaem my
foart sa bikind foar, dat jy my, do jy er yn kamcu>
(klik ftlda Helen to binnen brachten»
-ocr page 32-
30
(Ik achtsje \'t hjir nedich to sizzen, dat Klaes yn
syn uterlik alhiel syn heit like, do dy yet yn syn
fleur wier).
Do wieme se sahwet mei enoar bikind en mynhear
Van Eenten fornaem al gau mei hokker doel Klaes
to G\\ . . . komd wier, dat er ont nou ta lykwol net sa
folie wille fen syn uetstapke hawn hie as er him foar-
Bteld hie en nou al heal yn \'e wille wier om de stêd
wer op te siikjen.
De hear Van Renten, dat in frjeunlike man wier,
bitocht him in eagenblik en sei do: — As jy der sin
oan ha, in dei of hwet bij uzes to uetfenhuwzjen, den
kinne jy dalik wol mei ynstappe en ride mei; jy scille
jou to B. net forfele, der wenje frjeunlike minsken en
it doarp is ek wol bisjean wirdich.
Me kin \'t wol fen tinken ha, dat Klaes mei dit
uetstel danich yn oarder wier, en hy naem it den ek
sonder lang birie oan.
In ketier letter hied er syn bindeltsje yn \'e wein,
syn fortarring bicelle en kleau do nest Van Renten
op it efterbankje. De feint naem de leije wer yn \'e
hannen en — dêr rieden ues ljue hinne.
Onderweis fortelde d\' alde hear him, dat se in reed-
tsje makke hiene om to sjean ho it blêske, dat in
nijkeap wier, him yn \'t tuech halde scoe. Om \'t it
sok moai waer wier hiene se in ein omriden om nel
Q-. .., to kommen — fierder woene se net — dêr
troch wierne se niis fen d\' oare ein it doarp ynriden
komd, De alde hear hie jimmcr stoffe ta praten en
Klaes koe, as \'t pas jowch en by ljue Het syn «tftn
»yn wird ek wol clwaen.
-ocr page 33-
31
Sa gyng it stadich op huws yn en \'t blêske halde
him tige.
Mynhear Yan Renten wier de ienichtste soan fen
in keapman uet \'e stod, dy by syn foarstearren him
de saek mei in aerdich kaptaeltsje neiliet. Hy wier mei
de hannel tige gelokkich en nei koarte jierren wier
syn kap\'tael sa folie greater wirden, dat er der onbi-
soarge en sels rom fen libje koe. Do kaem er to
trouwen mei in boeredochter fen \'t lan, mar syn wiif
rekke in jier twa letter oan \'t tsjirmjen, om \'t se sa \'t
like net oer de stêdloft koe. Sadwaende rekken se
nei B.. . . ta to wenjen en \'t bifoel hjar hjir sa goed,
dat er de saken al skielk oan \'e kant die en it spiltsje
keape, der \'t er ont salang mar hiersman fen west
hie. Mar syn wiif hied er net salang wille fen hawn.
Dy wier nou al lang dea, en syn dochter wier troud
mei in boer uet dy krite. In kras ald minske naem
syn huwshalding waer.
Nei in goed uwre riden wierne ues Ijue to B....
en ues stêdman koe do for \'t earst mei byskikke oan
in mieltiid lyk as er him dy op \'t lan foarsteld hie.
Nei iten bleauwen se yet hwet sitten to praten en do
moast it weinhuws en de tuen bisjoen wirde.
It wier in sierlike oanliz, allegearre mei parken,
hwêryn de moaiste beammen en blommen yet yn alle
fleur stiene to pronkjen. Efter \'t huWB wier in fiver,
hwêryn einen swommen . . . koartom, alles hie sa\'n
moai oansjean, dat ues man mei inorliko nocht om
bim hlmie seach en syn dkhtgoast boppe kaem, howol
-ocr page 34-
32
er dizze kear, om \'t er net allinne wier, syn tinsen op
mear gewoane menear utere.
Dizze dei gyng fierder noflik mei praten en sa to\'n
ein. Ek de folgjende dagen gyngen rêd en noflik for
ues man foarby. Hy bleau vet in dei of fjouwer dêr
uetfenhuwzjen en brocht er dizze en jinge mear in
bisiik. Howol nimmen him bjir koe, wier er doch as
gast by Van Eenten — dy min yn \'t doarp skoan
lije mocht — rounom tige wolkom en learde er al
gau sa\'n bytsje mei \'t folk hjir om to gean.
Uet it petear, dat Van Renten nou en den mei syn
gast halden hie, wier \'t him al gau duedlik wilden
hwet binamme dizze syn brek wier, to sizzen: in to
oerdreaun en faek forkeard bigryp oer in hopen saken
en tastannen, dy er allinne uet \'e boeken koe, syn to
lytse minskekennis en syn sin for fêrsemeirsjen, hwêr»
troch er wol ris op oangenamme menear syn tinsen
uterje koe, mar hwêr \'t er fiersto folie tiid oan bi«
stelde, wylst er him yn oare en folie nuttiger saken
lang net genöch oevene. En nei \'t se meer fortroulik mei
enoar wirden wierne, wist d\'alde hear him \'t ien en
\'t oar ongemirken oan \'t forstftn to bringen en \'t for«
kearde er fen foar to halden, om yn dichterlik dreg»
jen sa syn tiid to forsliten en dêr troch syn bistim-
ming uet it each to forliezen, Mar de toan, hwêrop er
dit alles sei en him rjue nuttige lessen jowch wier sa
earnstich en wolmienend, dat Klaes for him naem er
ta syn foardiel bruwk fen to meitejen.
EinlingB wier de tiid forstritsen, dy er hitn fottreteld
)i!e by Van Renten to bauwen. Hy naem doe ufskiecl
-ocr page 35-
33
fien de man, dy him sa frjeunlik bihanle hie, bitanke
him dêrfor en for al de nocht, dy er hawn hie, en
sa skaetten se as greate ftjeunen. De feint brocht him
yet mei de wein nei G.- hwêrfendinne er fierder mei
de diligence wer nei Stêd reisge.
Ik ha letter heard, dat Klaes him yn it forfolch
yet mei iver op syn wirk uetlei, hwêrtroch er yn syn
fak ek tige mansk wirden is, hwent hy hie oars in
skoan forstan. Twiskentiden makke er yet wol ris in
rymke, mar hy bistelde dêr nea safolle tiid oan, dat
er syn wirk er om forsleauke. Syn uetstapke nei buw-
ten hie dos doch fortuten dien.
5. Mei hjar eigen mini bitdle.
Tsjerk Retsom, in gemier uet \'e "Walden, wier nest
in wike of hwet troud mei in krcas en himmel jong
wyfke, dêr \'t er ek tige mal mei wier. Nou Berber;
— hwent sa hjitte hja —> wier mei hjar man ek
tige forgilde en noait blider as dat er jouns mar by
hjar thues wêze koe, nammers to mear, om \'t dit
net sa jamk barde; hwent Tsjerk hannele ek yn Bie-
den, en wier troch dy wei al folie fen huws. De sa-
ken gyngen doch foar. Mar as er \'t skikke koe wier
er ek mar ljeafst by syn wyfke thues, en den hiene sö
togearre alle wille. Dat naem lykwol net wei, dat so
de ljue, dy hjar ris forsochten, doch frjeunlik onthul-
len en er wol oor mochten as er ris ien of meai\' feü
\'e buorljue oerkflrnen. to praten.
-ocr page 36-
u
Sjerp Slynsma en Greult Struen, dy ek beide troud
wierne, kamen wol gau ris in joun bij Tjerk-en-ltjar
to frjeunsprekken en waerden den altyd tige let en
set, hwent Tjserk hie yet al hwet ginst fen lijar. Nou
hiene dy beide frjeunen dat oer hjar en kamen dêryn
oerien, dat se oarljues frouljue ljeaver skynden te haw-
wen as hjar eigen, binammen as dy moai tsjep en
leidich wierne.
Sa smieten se al gau, sonder fen elkoar to witen,
eagen op Berber en om \'t dy altyd like frjeunlik
tsjin hjar wier, rekken se yn \'e forbykling, dat it
jonge wiif maklik to forlieden wêze scoe. Hja kamen
dos ho langer ho faker en den meast as Tsjerk om
utens wier. Nou kaem Sjerp en den Greult en soms
allebeide tagelyk. Den hiene se allerhanne fluenske
praetsjes, hellen swiere siken op en stinden en knyp-
eagen, allegearre om Berber fiele to litten hwêr \'t
hjar om to dwaen wier.
It jonge wiif hied er to\'n earsten gjin erch yn,
nfunkelytsen bigoun se to twiveljen en einlings waerd
it hjar klear hwet dy beide snueshoannen mei hjar
woene, en nou skruten woar\'n, klage se Tsjerk hjar need.
Dat Tsjerk puwr wier, do er alles wiste, kin me
Wol tinke, hwent hy woe syn parren net fen in oar
bitomke ha, en hy naem him foar dy beide skar-
lunen for goed to plak to setten en \'t hjar yn te
skerpjen, dat se syn wiif foartoan gewirde litte koene.
Dat moast lykwol barre sonder opskuor to meitsjen,
hwent as In oar it to witen kaem, scoe Berber ek
oer alleroans tonge gean en hjar eare en goede namme
tlw omier ljje, Hja hie hjar sel« yn dit stik woltieat
-ocr page 37-
35
to forwiten, mar ho giet it mei de rabberij ? — de on-
skildige moat er trochstrings it meast om lije.
Nei hwet oer en wer praten hiene ues ljue einlings
hjar plan klear en waerd dit al gau dêrop to\'n uet-
fier brooht. Ho en op hwet wize, feil ik nou fortelle.
Op in joun wier Tsjerk sa beare fen huws gien. Ber-
ber hie de deis Sjerp en Greult de wink jown,
dat se komme koene en dizze lieten net op hjar
wachtsje. De beide gasten scoene mar ris tige ont-
helle wirde sa \'t like, hwent do se yn \'e huws ka-
men, stied er fen alles op \'e tafel en Berber moai
forklaeid er by. Hja wier sa frjeunlik dat! en noege
ues beide manljue uet om mar by to skikken. Dizze
wierne alhiel yn \'e bladeren en tochten net\' oars as
nou wierne de rapen gear. Mar och hea! wylst me
tarissing makke om oan tafel to gean kloppe dor hwa
oan \'e doar. — De doar op \'e skoattel! röpen Sjerp
en Greult tagelyk. — Nó, sei Berber, hwent dy
dèr kloppet is myn man Hy moat jimme hjir joun
net fine; kruwp forside, hjir yn \'e kast, gau ! —- Sa
pratende krong se de beide manljue yn \'e kleankast,
die de doar ta en — Tsjerk kaem yn \'e huws.
—   Dêr bin \'k al wer! röp er, ik kaem to let for
de boat, nou bljuw ik jonn by dy thues.
—  Jimme bigripe, dat sei er sa mar, hwent hy hifl
de doar net uet west. \'t Wier alles opstitsen wirk
twiske him en syn wiif.
—  Mar, sa forfolge er, it liket wol dat hjir bisite
wêze scil, dat stiet er goed foar.
—    Och ja, sei Berber, ik siet hjir sa allinne
en nou hie\'k ues buorwiven Sjerpe Fetsje en Greulte
-ocr page 38-
de
Hoatske hjir jouns forsocht, dy lijar manljue wieme
ek uet. Mar hja kinne nou om myn part wol woibljuwo.
— Witste hwet, andere Tsjerk, dou hesto de kos-
ten er nou om dien, hja moattc nou ek komme; heljo
se mar effen, ik scil salang wol huwswarjo.
Nou, Berber gyng de doar uet en kaem effen
letter werom mei de beide frouljue, dy hjar manljue
hjir yn \'e kast sieten en fen spyt en nidigens al puwr
wierne. Doch hjar straffe bigoun yet pas. Hja scoene
yet lang wachtsje, en noch frijhvvet hearre moatte,
dat hjar net oanstie, ear \'t se los kamen. Wylst se
yn dy nauwe, tsjustere kast bisluten sieten en elts
wird hearre koene, dat ues ljue yn\'e keamer mei
enoar forwikselen, gyngen dizze oan tafel om de spil-
len, dy dér ré stiene, eare oan to dwaen. Fen it eagen-
blik of, dat Berber mei de beide frouljue ynkomd
wier, hie it petear net stilstien en hja reden yet ho
langer ho drokker. Tsjerk die in steil wird tsjin \'e
frouljue en streake en flaeike se, dat Fetsje en Hoatske
net wisten ho se it mei him hiene en \'t bywielen uct-
kraeiden as wierne se bang, dat er hjar op \'e side
kruwpe scoe. Soks die Tsjerk om de manljue, die yn
\'e kast sieten, to narjen, hwcnt al founen dizze er
gjin bien yn om in oar\'mans wiif ta ontrou te forlie-
den, hja woene doch net lije dat in oar hjar frouljue
te nei kaem. Mar om hjar sels net iepenbier to meit-
sjen halden se hjar yet yn. Hjar gedild scoe lykwol
yet swierder op \'e pr )cve steld wirde ! — Berber hie
it aalt op tafel forgetten. en hja doarst sabeare net
allinne nei de koken om it to heljen; nou Fetsje sei:
hja scoe wol effen meigean. It duorre yet al in setsje
-ocr page 39-
37
ear\'t se werom kamen, en wiles siet Tsjerk mei
Greulte wiif, Iloatske, salang allinne. Tsjerk naem dy
gelegenheid waer om Iloatske allerhanne moais to
fortellen, hwet frouljue ornaris graech hearre, en op
\'t lest bearde er, hy woe ris mei hjar fnje. Do koe
Greult it yn \'e kast net langer hirde, hy woed er
uet en op Tsjerk los. Mar Sjerp halde him to bek.
— Dou scitte wol wizer wêze, luestere Sjerp, en
meitsje dy sels en my net to skande. \'t Beste is nou,
dat wy dit oer ues gean litte en mar tinke, wy krije
ues fortsjinne lean. Nou Greult liet hem yet riede. —
In setsje letter moast er in flesse wyn uet \'e kelder
komme en Berber mei Hoatske gyngen om dy to hei-
jen. Nou bleau Tsjerk salang mei Sjerpe wiif, Fetsje,
alline en do bearde er wer krekt as niis, hy woe ris
mei hjar fnje. Do wier \'t Sjerp syn bar om nidich to
wirden en woed er uet \'e kast om op Tsjerk los to
gean. Mar nou halde Greult him tobek, lyk as er
sels Greult niis tobek halden hie, en moast er \'t oan-
hearre ho Tsjerk mei syn wiif omflaike en streake en
dizze dêr net fij fen like to wezen.
Einlings wier de bisite ófroun en de frouljue gyn-
gen nei huws. Effen dêrnei stelde Berber de beide
manljue ek yn frijheid en gniisde hjar omraek uet, dat
se mei sa\'n lange noas öfdraeije koene. Tsjerk wier
der wol foar om se yet in omrake trewinkel mei op
reis to jaen, mar syn wiif kearde dat jin; de les hie
ea goed-enöch west, tocht hjar, en dat wier ek sa j
fcwent dy frijera makken \'t hjar tonei noait wer lcdch.
-ocr page 40-
GJIÏT OMHALEN, SI2 IK, BRUWKE.
— In aSTu.tslêzing- —
yn \'t ljacht jown troch IDS. *)
Dames, scil ik mar sizze, en Hearen! — Hè, dat
is safolle as in krewei; nou, hawar, it is er den mar
safolle as uet. Wel nou, komoan, om bygelyks mar
koart to wezen: Dat hiene jimme, sei ik, net droamd,
wel? dat Sander Foekes, de aldfeint bygelyks fen \'e
Efterwei, safolle as in wird uetprate scoe, siz ik, yn\'e
praetstoel, sei ik. Om mar koart to gean, woe \'k
hawwe en om it nou mar by de rjuchte ein to nim-
men, Jimme tochten dêr, — siea safolle — net om,
mar dy diker! As jy \'t yn\'e gaten hawwe: Sander-
om, om it sa mar ris koart to neamen, Sander omme
kin wol prate; hald it safolle as yn\'e rekken. Just!
hald it yn \'e gaten; nim Sander-omme safolle as ge-
weken. Jimme moatte göchem wêze om him toarby
to kommen.
»En hwêr scil, om nou mar ta de saek to kommen
en bygelyks gjin drokte en omhalen te meitsjen, San-
der-om it oer hawwe ?« seit dy knaep der efter jimme.
Just! hwêr scil er it oer hawwe? seit er. Oars net?
Mar den het er it net yn \'e rekken, den het er, om
it nou mar ris res\'luet to neamen, sei ik, net yn \'e
\') Mei tawird fen \'e Skrjuwer yn dizze samling opnomd.
Aparte öfprinlsels fen dit stik binne a 5 ctn. to krijen,
-ocr page 41-
39
gaten, dat Sander-omme, dy safolle as fen Sander
Foekes hjit\' al lang oan \'t wird wezen het. Wolnou,
komoan, den het er, wol \'k mar rekkenje, net goed ta-
harke, dat het er net, siz ik, en den moat er, om
nou mar it rjuchte to sizzen, him mar goed to roer
en to skrip sette, om safolle as omraek te harkjen.
«Jonge« (siea sa, ik kom wer op \'e hael!), jonge,
ik woe jimme safolle as fortelle fen myn ald omkc-
sizzer, dy \'t fen Pieter Bearns hjit en dy, (onder ues
praet en dêrmei hinne ; hwent jimme halde it bineftcr ?)
nei de Heechste Skoalle fen \'t lan giet to Dokkom.
Myn broer, dy \'t safolle as fen Melle Foekes neamd
wirdt, — jimme kinne him wol, hy het lésten noch
rammen koft dêr boppe Grins yn \'e boppelannen: yn
Gelderlan, Ingelan.... dy contnjen, — om \'t hja
woene, moatte jimme telle, it skieppeguod forbetterjc
— Melle Foekes den, dy \'t safolle as myn broer is
(hwent wy hiene, moatte jimme tinke, ien en deselde
heit en mem), hie him krektsa al biklage oer Pieter,
dat syn bernsbern is (hwent syn heit, ik mien Pieter
syn heit, is Melle syn soan; mar Melle is oars net
bisibbe oan Taebke Gelfs, dat is Pieter syn mem, om
\'t sa mar uet to drukken, en sadwaende binne Melle
en Taebke gjin folk fen enoar, oars tominsten net as
skoanfaêr en snoar.) Melle hie him al biklage oer
Pieter, syn berns-bern of pakesizzer sizze de ljue: wy
seine yn ues tiden fen oarreheit en oarremem, mar de
Dokkommer Walden wirdt al wakker heechskeepsk,
haw it yn \'e rekken!
— »Dy jonge sei er wirdt. om \'t mar yn ien wird to
neanien, my to dwerstrieddich en to oerdwealsk; hy
-ocr page 42-
40
is sa oerhearrich, — dat! Ik haw\'in niis to pakken
hawn, mar hy is jo sa tuwk moatt\' jou witte, dat!
Dêr is jo noa suver de ein fen wei I Hy is jo sa
göchem; nou leart er ek tige to Dokkom, hwent it is
yn Dokkom wol yn\'e es yn \'t stik fen learen ....
—   »Nou Melle!« siz ik, »ik haw noch net folie
heard, sei ik. Hwet hieste my bygelyks fen Pieter
oer to krantsjen? In jonge moat doch leare en Pieter
kin namentlik al in lange piip yn trjjen brekke, hald
it stiif yn \'e rekken ! Hy is slim ondogensk, mar in
jonge moat, wol\'k nou mar neame, ek in krom bal-
stjuwrich wêze. Ja, in famke mei wol in ljeaf lyts
krom mear leare as de besseltriedden uet it jak
luwke .. . . « —
—   »Just! nou heste it goed foar\'t forstan; mar dy
jonge woe hawwe, dou wierste drok to set en to skrip
om dizze joun yn\'e briedstoel, ik mien fensels praet-
stoel, safolle as it wird fiere te kinnen. Ljeave saun-
tsjin en gjin ein! Trede noch ta! Dou scitte wizer
wêze — mar dy jonge sei it. Hy makke my sa like-
nóch grimmitich, dat ik sei: — Pieter, sei ik, brui
safolle as hinne! ik bin sa amperoan lilk, puwrrazen
op dy, om sa mar to sizzen. — Fij, dêr \'t Pake (en
dy jonge wit nou wol, dat ik oarreheit hjitte wol en
dat dou en ik en Tabe Keimpes yet alde Waldtsjers
binne), fij, dêr \'t Pake sa\'n wird om seit; Pake, of
om \'t nou mar ris krekt to sizzen, Oarre-heit docht
safollo as fiokken. — Doch jü; wel ? siz ik, dou moaste
dy stiif stil halde; fjj jü! ik scil dy hwet strinkje*
bejjen (hja neame dat oars strueskebejjen of op syn
hcecb Haerleramerdyksk i reade bejjen) heJje; dêr sei!
-ocr page 43-
41
\'k bygelyks, wol \'k dy sizze, mar in hanfet-fol fen
heljo ... «
—    »Nou, siz ik, nou Melle komoan! dou hestc it
safollo as krekt redt; om mar koart to gean, ik scil
my joun to skrep en to skuor sette om to nutsjen . . .«
—    »Dou biste my in moa!sek,« seit Melle, »en
brui hinne.«
Mei komt Pioter ynstouwen ; it moat den mar krekt
trcffe. Ik scil myn dingen oan \'e kant sette en hwet
oprêdde en dwaen, mar dy diker! Koartom, hy bi-
goun, wol\'k mar sizze, safolle as bygelyks to roppen:
Omkc, ik haw it safolle as yn\'e gaten ; Omke scil,
om \'t mar by de rjuchte ein to nimmen, to joune
sprekke, ried ik . . . — Dat scoestou ek wite, siotiten
knaep, om sa\'n sondich wird to neamen, siz ik . . . —
Mar hwóroer? om dêr nou mar for uet to kommen ?
— It stikjen is safolle as titele: Gj\'ui omhalen, brnwlce !
En nou wit er net, ik mien, nou het Omke, om \'t mar
plan-uet to sizzen en net sa grouwélich to flokken as
niis, net yn\'e gaten dat, om mar gjin mear wirden to
bruwken, Omke horloasje safolle as stiet en de buwten-
klok, om mar de rjuchte wierheid stiiffést to halden,
fen \'e slach is. Lit my gau ris siean, sei ik, seit
Pieter. — Dou maste my it hart net hawwe, te spyt-
gniiskjen, sis ik. Nou hawar? Sjuch it hear is oen —
Pieter noaske it boeltsje ris troch. Omhalen, woe \'k
hawwe, binne mar tige lêstich, sei Pieter, en doch siz
ik, seit er sa (Syger Annes hearde \'t wol, dy kaem
sa krekt de huwsside lans, dêr sit er nou bij dy doar,
wel Syger?) Omhalen yn \'t praten wierne wol by folie
alde Friezen yn \'e swang en sa ist hjir en dêr wol
-ocr page 44-
42
aldfrysk. Wel nou, komoan, it stik het in doel; jy
moatte mar bygelyks safolle as foarlêze, Omke! —
Ja, just! jonge! doch it sit dwêrs foar\'t krues, tige
dwêrs — Nou mar jou moatle léze en ik scil nei it
lézen wol in wird sizze: Gjin omhalen yn \'t praet.
Jonge, dêr wier hwet fen to meitsjen by \'t oereidsjen.
Pieter skrcau nou dit er hastich onder: — Omke
het gclyk.. al is it mei him: — hear nei myn wirden
en doch net nei myn wirken (fy, jonge! dèr\'k sa\'n
sondich wird om siz.) It is soms in hiele guwchelpartij,
ek noch yn ues tiden. Min doar enoar net rjucht op
\'e man oankomme. Ik siz foaral net dat wy efteruei
geane; mar sa gysten foaruet as wol ris skreaun is
ek net. Yn \'e bihanling binne folie omhalen, it is in
birekkening om \'e duwbeltsjes en den is it: ho scil
ik dy mei bochtige wegen naderje ? bituwft mei om-
halen it oanlizze en den stiif tapakke. Ha jy \'t begrepen ?
Dames en Hearen! om sa mar to sizzen, ik haw
bygelyks it stik uet. Lit ues noch hwet falske krol-
len en franjes oan kant lizze, en mar effen wachtsje
foar \'t wy doel hiene ues roune fryske folksaerd to
forsmiten. Lit ues gjin falske tearen en franjes lizze.
Nou Pieter, set ik er onder, de hoas is of. Dou
heste noch wol mei oare dingen boarte as mei de
rattelbel, of lyk as hja folie sizze, rinkelbelle. Lit my
mar safolle as swije. Dames en hearen, om jimme net
mear op \'e tocht to halden, de hoas is óf en ik gean
uet dizze houtene stove wei.
Jimme tsjinner (tsjinrfer net):
Sander Foekes,
om sa mar to sizzen.
-ocr page 45-
By de Printer hjirfen ia ek to knjen:
1.
lïT BTTSTE TJET PLLOB.
FRY8KE RIMEN
TROCH
S. K. PEITSMA.
Priis 25 ctn.
YNHALD:
1.     De twa Buorljue.               6.    Biskieclen winsk.
2.     Trcast yn \'t ongelok.         7.    It beamke en de wyn.
3.    De man en syn ezel.         8.    Lokkich libben.
4.    De tuwke jager,                9.    De lytaje oargeldraeijer.
5.     Lytsguod.                         40.    In Sinteklaes-sankje.
BIOARDIELINGEN:
1
[Dej rymkes binne ienfaklich en goed. Elkenien scil se mei
nocht léze kinne. Rym en fêrsmiette foldogge oer \'t algemien oan
de easken ....
2
... it wirkje onderskiedt him ginstich fen in hopen sa nou
en den yn \'t ljocht kommende rimolerjjen . . . it wirkje [sjochtj
der kreas [ut] en it pompier is best ... [de skrjuwer] mei yn
elk gefal tofreden wêze oer [syn] wirk.
3
De stikjes binne allegearre hiel flot birynvl en litte hjar tige
goed léze.
4
i.t wat or mij in bevalt is. het losse en vloeiende, dat dik»
NvjjU b|j velen ontbreekt»
-ocr page 46-
SAUN RIS SOM.
GRAPPIGE TELT8JES
yn onrym
TROCH
S. K. FEITSMA.
Friis 25 ctn.
YNHALD:
1.
■z.
3.
4.
Do mah huwshalder.
De trije dieven.
De spoekjende frijer.
De nije buorman.
5.    Hwet de klokken sizze.
6.    In plezierige jacht.
7.  Doménij en de kloklieders.
TWEE GOED GESCHREVEN WERKJES.
Het zijn : In bytsje iet folie en Saun ris om, (welke laatste ti«
tel »een zevental verhaaltjes* beteekent), van den heer S. K.
Peitsma te Hardegarijp *)
Met genoegen heb ik beide werkjes gelezen en ze door an-
deren laten lezen, wie het lezen er van evenzeer beviel. Het uiter-
ljjk is netjes: ferm papier, duidelijke letter en net omslag. Het
innerlijke toont dadelijk goede en zuivere taal; een losse leven-
dige verhaaltrant in het proza en vlot vloeiend rym in het andere
werkje.
Ik wensch beide boekjes vele lezers en den schrjjver een:
tot weerziens als auteur, toe.
\') Beide wirkjes b!nnc( lyk a» dit, els by de skijuwer lö kr|j*ni