-ocr page 1-
_/«
»im i
c
\\
L t                                                       
-ocr page 2-
-ocr page 3-
Foarwird foar de foarste Printinge.
Losers ! As min in bulte liddigo tiid hat, scoo me yen faek
ridlik gau forfele , as me net it ien eft oare oanfette , om de
tiid to deyen. Sa giet it my. Yn uren , hwer ik oars nin
rie mei wist, hab ik dit stik by enoar makke. Do \'t kloar
wier, lykwols, wist ik net hwet ik der mei dwaen scoe. Yn
\'e fodkoer tliriuwe ? Né, dat bigreate my doch , hwent ik
hie der sa\'n wirk mei liawn ! Hwet den? it yn\'tliocht jaen?
Der hie \'k den oars wol hwet sinnichheit oan , »mar" tocht
ik, »dit scil wol forkeard ütpakke." Nei folie omtinken hab
ik it doch weage. Hwerom ? Us heit sei altid: min mat
alles bisykje ! Nou , hawar, ik hab sin wirden ek hjir yn
tapassingo brocht; ik hab it bisocht. Fait it yn \'t wetter,
ik kin it net keare , mar den bin ik ek foar jimmer genésen
fen myn ynbielding. Foldocht it in bytsje , den scil ik it ris
hwer bisykje.
Hwet nou egentlik it wyt is fen myn stik ? It is dit:
siean to litten , ho forkeard it is om yen troch in foroardiel
liede to litten ; om stiif föst to halden oan in bigryp ; om to
mienen dat min nin goed minske wêze kin , sünder yen föst
to woeljen yn \'e mesken fen in ald learbigryp.
Hab ik dit wyt birikt?
Ik hoopje it, Losers! Liketh it jimme oars ta , nim it my
den net al to kwea, mar think : nou , hy hat it goed miend.
-ocr page 4-
Foarwird foar de oarde jefte.
Sahwet 18 jier binne sünt forroun; it boekje wier ridlik
gau ütforkoft. Lykwol bin ik er net earder takomt om er
in oarde printinge fen yn it liocht to jaen. Nou weagje ik it.
Ik ha it opskrift in bytsje foroare; eren hiete it: »forhael ut
üs tiid," nou hiet it •• »forhael ut \'e greidhoeke." Hwerom ?
De losers scille it sels wol fetsje; de tiid fen do is net mear
de tiid fen nou, mar yn \'e greidhoeke is alles yet al fryhwet
it selde.
Yn it stik sels is net folie oars wirden; lykwol hab ik in
ündogenske joad foroare yn in ündogensk kristenminske. Hwer-
om mast dy dogeneat krekt in joad wêse ?
De Skrimver.
-ocr page 5-
NlESKE StAMSMA.
In forhael üt \'e Greidhoeke.
i.
\'t Is winter. It field is mei in wyt lekken biditzen ,
dat de himmele sinnestrielen bweromkeatst, krekt as wier
it mei dyemanten bistruid. Me scoe hast blyn wirde fen
\'t siean yn \'e fjirte. Ek de griise winter hat syn skien-
nens, al misse wy it forskaet dat de natür üs yn \'e
simmertiid oanbea.
\'t Is ientoanich en stil op \'e romte.
Min heart der net mear it flemïch lieth fen \'e linrk;
min siocht der de lieap net mear kopkctommeljen; allinne
siocht min hjir ef der in ienlike roek mei syn swarte
plommen delsaeyen, krekt as wier er yn \'e roue , om al
it skiene en moaye dat mei de waerme simmer fordwoun is.
It wetter dat yet foar koarte tiid de skippen mei üt-
spraete seilen op syn bolle weachjes foartdroech is nou iif
hirde koarste. Nin wolkentsje is der oan \'e blawe loft
-ocr page 6-
6
to siean, de sinne jit hjar süvere strielen oer lis i\'it, mar
lykwol is \'t kald - - sa kald dat wy nou en den ris han-
bükje matte om de waermte to halden.
Hjir op it field is \'t kald en stil; mar der jinsen op
\'e feart der siogge jy feinten en fammen méi switdrippen
op \'e fbarholle. Nin nychheid ! It giet er oan wei as
wier \'t merke. \'t Krioeleth er fen jongtolts. Fammen en
feinten fleane op \'e smelle stikken ïzer hinne en wer,
hast mei koegelsfeart. As op \'e wiukkeu fen \'e wyn
stouwe se ut enoar, om op it ein fen \'e baen wer as yn
ien kleawn gear to woeljen.
Under dat jongfblts is ek Nieske Stamsma mei in pear
spylfammen fen hjar jierren. It hinne frouliu as inólke
en bloed , mar Nieske binammen is in bield fen in faeni.
Hja is net oergreat; mar hjar halding is sa kein, de
klean sitte sa kreas om \'e tsjeppe lea; hja hat sa\'n friske
kleur en sokke ynmoaie sêftblaue eachjes , dat min mat
sizze : it is in faem om to stelen.
Dat hjar \'t libben wol lest en hja ek wol meidwaen
kin op \'e glêdde baen is ringen to siean. It liket üs
dos ek net freamd ta dat er in keppel jonge feinten om
hjar hinne strüne , krekt as langskonkige miggen om \'e
kerse , dy al neyer en neyer draye, ont se einlings de
wj ukken tobarne oan \'e forriederlike flamme.
Howol nou nimmen der just in wjuk by ynskeat, ka-
men hja der doch net sünder in blau skine óf, dy it
weagen hjar oan to kommen mei de frege : »as hja op-
lidze scil ?" Is Nieske den sa\'n keken ding ¥ Binne dy
flinke boeresoannen mei goudene horlogekeatingen op \'e
broek hjar net iens goed-enoch?
Och, né , Nieske fliucht net sa heech , hja siocht net
-ocr page 7-
wakker op \'t butenste; it kin hjar net skele as it in boeresoan
ef in boerefeint is dy hjar fregeth; mar hja is net allyk in
hopen fammen , dy — hinne en wer as de wynd - - nou
oanhalde mei Jan en moarn mei Klaes. Hja is ien fen
dy fammen, dy hjar fêst klampje oan ien feint, oan ien
hert, dat waerm kloppeth foar alles hwet goed en eabel is.
Salang as de riuchte Josep dos net komt wol hja nin
• gedoch ha, en is hja ek ófkerich fen dy jongkeardel mei
det skarlünhaftich ütsiean , dy der permantich op hjar ta
ryth en nou mei in fliunsk lüd fregeth : »as hja mêi him
op \'e baen wol V"
Dat is Symen Wytkop , de küperssoan ut it gea. Syn
wiere namme is egentlik Symen Hoepelstra , mar om \'t
_er sa\'n wyt bosk hier op \'e holle hat en sokke liochte
eagen en buten dat sa meager en bleek is as in spierring
hat min him de bynamme joun fen \'e Wytkop. \'t Is in
feint dy him earder wol to buten gong yn it drinken fen
\'t Skiedammer fiürwetter, mar sont in rund jier hat min
der nea mear fen heard. Dat is lykwol nin nychheid ,
hwent Symen is bikeard , dat wol sizze : Symen is ta \'t
ynsiean komt fen syn forkearde wei, hat derop in for-
heftige striid yn syn binnenste field, krige do in ynjowing
fen de geast, hwertroch er »ta romte" kaem , en is nou
opnomd ünder \'tfromme folts.
Koart wei joech Nieske him op syn frege ta\'n anderth:
»Né !" en mei fliucht hja nei it ore ein fen \'e feart,
hwer in kant jongfeint stieth mei in forstandich ütsichten
in ynnimlik antlit.
Hy siocht Nieske oankommen en \'t bloed fliucht him
nei de holle.....Hja siocht him ek.....Ien
wink mei de eagen , — twa slaggen yn \'t rund om hjar
-ocr page 8-
8
hinne, en hjar han leit yn synes. Der ride se hinne . . .
foarth .... fier foarth .... de feart op.
En Symen V.....Earme Syraen ! . . .
Wylst it jonge pear der hinne glyth, en Symen, bleker
yet as oars , op \'e tosken byt en de fust nei hjarren nt-
stekt, scil ik jinime neyer bikind meitsje mei de haed-
persoanen fen disse skiednis.
Nieske is \'t ienicbst bern fen baes Stamsma , de smid
en\' hyngstedokter fen \'tgea. Baes komt al aerdich op
jicrren en docht derom net in bnlte mear oan \'e smiddery.
Hy lit it smeyen oer oan in pear feinten. Non , \'t kin
wol lye dat baes sels net mear oan \'t ambield stieth, om
\'t er de skiepkes aerdich op \'t droege hat. »Baes sit er
goed by," sizze de doarpsliu, en howol min alle praetsjes
net leauwe kin , it is siker wier, baes sit er goed by.
Stamsma\'s Tilden wieren gemiene arbeidersliu , dy mei
bodjen op \'t field troch de tiid kaemen. Om\'t it hjarren
better talike dat hjar jonge in handwirk learde en de
alde smid him wol ha woe, dieden se de jonge op\'e smid-
dery . en dit noaske him wol om \'t hy wier moai geef
fen liif en lea en iverich fen aerd.
Do er twyntich jier ald wier forstied er syn fak yn \'e
gründ. Derby wier \'t in oppassend jongfeint, der neat
op to sizzen foei. Ek wier it in tsjep feint en hy stied
sadwaonde yn in goed blêdsje by de fammen. Ek de
jonge dochter fen \'e smid sloech in goed each op him ,
en do Stamsma dat yn \'e noas krige , tocht him , moast
-ocr page 9-
9
er alle ore frouliu rimie litte en siean as er Griet — sa
hiet hja — net ta syn wiif krije koe.
Wy moatte him tykwol ta syn ere neijaen dat net it
jild ef de smiddery him allinne oanlaken, né, Griet seacli
der tsjep-enoch ut om in feint de holle waerm to meit-
sjen. Yn \'t koart: nei lang tsjinaxeljen f en de alde, kaem
it safier, dat Stamsma Griet krige en mei Griet de sinid-
dery op \'e keap ta.
Nou gong it baes net sa as folie liu, dy op slach en
stiet fen lyts great wirde, en dy den daelk de seilen sa
heech oplüke , dat de touwen brekke — jonge né ! hy
sette se net heeger as lye koe. Hy bleauw fix by de
pinken en pakte de kou sels goed mei by de hoarnen.
Sadwaende kaem er foariit, al hie er ek fry hwet ünk
}rn syn hüslik libben. Do er in jier troud wier, krige
syn wiif in bern , en de kreamheinster sei dat it wier in
grouwe jonge. As dit wierheit wier, wit ik net krekt
mear, mar ik wit yet best hodanich as baes him tierge.
De man wier sa bliid , krekt as hied er thüsend goune
ut \'e lottery woun.
De kreamfrou wier ridlik gau wer by \'t spil en de
jonge waerd eltse dei grouwer. Do \'t bern lykwol acht
wiken ald wier , bigoun het to quinen. Dokter sei: »it
hat it sur." De bnrliu seyen: »it bern is bitsioend,
baes ! jy matte nei in divelbander ta."
Baes sloerde der lykwol mei om de léste ried to dwaen;
mar undertwisken gong de jonge al efterüt, ta \'t er ein-
lings in set krige , der er yn weibleaw.
Ho \'t it baes on syn wiif om \'t hert wier , do hja it
lieave bern to höve brochten, kinne hja allinne mar hele,
dy \'t selde ünderfoun ha; biskriuwe kin ik it net.
-ocr page 10-
10
As min in bern forliest seit de wrald faeken: »Och, it
is net sa slim , sa\'n lyts bern. As se greater binne kin
min se sa goed net misse."
0 , jimme wiize minsken , sünder waermte yn it hert!
Freegje \'t in mem , dy it oerkomt, ef it ek hird is hjar
bern nei \'t tsjerkhöf to bringen , hjar bern , dat hja sa
lieaf hie ! Sioch de triennen , dy \'t hjar oer \'e wangen
roalje , en sis den : »och , it is net sa slim! ....
It is sa, it diurre nin oardeheal jier ef baes hie wer
in jonge , mar think net dat de bliidens mei it twade
tsjin it lyen om it earste ütkin !
Ek in famke kiïgen hja.
It wieren skoandere bern, heit en mem wieren der
thige wiis mei.
\'t Mocht hjarren lykwols net barre itjonkje to bihalden;
\'t wier in yslik gefal; ik scil \'t jimme efkes forhelje.
Efter it hus laei in fixe lape gronn, der baes in pear
skiep op rinnen hie. Dit stik groun waerd fen de lannen
efterüt ófskaet troch in sleat. De lytse Gabe wier fjou-
wer jier ald en boarte faken mei oare bern yn \'tskiep-
peldn
(*), om \'t der hieden se de romte en min tocht dat
se der ridlik feilich wieren. Boppedat koe de frou den üt
\'e efterkeamer it each der oer gean litte. Nou harde it
op in neimiddei, dat er in fyndoekspoep kaem, dy syn
boel litpakte. Nou , jimme witte ho \'t de frouljue binne;
as er sa\'n lapkeman komt binne se net to halden. Alles
wirdt ünderst boppe helle; alles forjitte se om hjar hinne.
Griet wier neat better as de hele rest. Wol in heal ure
diurre it bisiean en ütsykjen. Do hja einlings takoft wier,
(*) To Koudum hjitlc se it de r/mddett.
-ocr page 11-
11
tocht hja wer oan \'e bern. \'t Famke siet Heat\' to bortjen
oer \'e flier mei in poppe , mar Gabe ? Hja seacli it fein-
ster ut, mar Gabe seach hja net.
Hja hie lykwols yet neariie nin erch yn, om \'t hja
tochte , hy scil wol by heit yn \'e smiddery gien wêze.
Mar né, heit hie him net sioen. Och , hearink, hwer is
dy jonge den ? Strak wier er yn \'t lan efterhüs en nou
is er foart! Hjar hert bigjint fen eangstme to slaen.
Heit en mem fleane it lan ut, nei de sleat ta, en, think
ris ta ! — der stiet Gabe mei de holle foardel yn \'e weake
modder ! .... \'t Boaike wier wei!
De keltnie sloecb Griet sa om \'t hert, dat hja nea
wer soun west hat. Nei in wike mannich krige hja de
koarts ; hja bigoun to dwyljen; de kreften bijoegen hjar,
en ... . hja wier ek wei.
Jinime hele hodanich as baes oerstiür wier oars net ?
Allinne stied der nou yn \'e wrald , mei in famke fen pas
twa jier ald. Fen sels mast er nou in hüshaldster ha,
en — lokkich foar him en it lytse famke — slagge er
deryn mar moai goed. De faem hie de thrije knïskes al
op \'e rech , en wier kreas, kloek en sêft fen aerd. It
diurre net malle lang of hja hie Nieske —• sa hitte it
bern — lieaf, sa lieaf as in mem hjar egen bern mar
ha kin.
Sa gong alles in jier mannich lang. De aldfaem en
Nieske libben as mem en bern, en de tiid — de beste
heelmaster — makke ek baes syn wounnen niunkelytsen
thicht.
Lykwol sokke slaggen bleauwen baes net yn \'e klean
sitten. De falden yn syn foarholle en de griise tüfkes
hier, dy ünder syn aldmoadrige hoed weikypje, tsiüge
-ocr page 12-
12
fen lyen en striid. Ja , baes hat in greate striid liawn ,
net allinne tsjin de naerichheden fen \'t libben , mar ek
i\'en \'e striid om \'t gelowe hat baes syn part. hawn. As
jonge hat er op skoale lézen en skriuwen leaid, mar ek
neat mear, om \'t it ünderwiis yn dy tiid net op sa\'n
go\'ede liichte stie as nou. Hy gong ek by domeny to
fraechlearen. Yn dy tiid wier de striid oer \'t gelove yet
net sa algemien op alle pleatsen en ünder alle stannen
as hioeddeis, en de domeny, in goc man, makke der
nin wirk fen om it fiur fen \'e twadracht yn \'e gemeinte
oan to bliesen , en der hied er wis gelyk oan.
Disse man hie riu ynfloed op syn foltsen sa \'t allegearre
him graech lye mochten. Sa kaeni it dat de nammen fen
riuchtsinnich en frysinnich , orthodox, liberael, Grimers
en modern , hjir yet frjemd wieren, do op folie oare plak-
ken de «verschilpunten des geloofs" jamk de holle waerm
en de herten kald makken.
Do baes lykwol in wike mannich widner west hie,
kaeni domeny to forstierren. It dürre in hiel toarn ear
\'t er in birop dien waerd , en yn dy twiskentiid waerd er
sneins troch de ring preke.
Nou krigen de ljue sahwet fen alderhanne kost; as
der hioed preke waerd : »Wij zijn kinderen van God ,"
den wier it takommende saein: »Gij zijt kinderen des
duivels ;" as it nou wier : »Verbant het kwade uit uw
hart; streeft naar volmaking!" den wier it strak wer:
»Uwe goede werken zijn niets in het oog des Heeren;
uit loutere genade zult gij zalig worden."
Sa gong it altyd. It sprekt fen sels dat er sadwaende
fordieldheid yn \'t gea kaeni. De iene skaette him fen de
ore, en sa kaeinen der partijen , in orthodoxe en in Ube-
-ocr page 13-
13
vale. De leste waerd ek wol de Evangelische, soms de
moderne partij njeamt.
Heftich wier de striid om it birop , mar einlings mas-
ten de » nylioehters" wike en sa waerd er in proponint
üt Utrecht biroppeu dy »de minsken thige op it gemoed
kaem" en »danich süwer yn \'e leare wier", \'sa \'t de liu
seyen.
Hwet dat egentlik sizze woe siiwer yn \'e leare to wezen,
der hieden in hopen liu net sa sünders oer neithocht,
mar de nye domeny scoe it hjarren wol utlizze. Hy die
it ek. Hy spriek oer de »Anti-Christ," oer de »Satan",
dy as in briesehende lieau yn \'e gemeinte rounteach , om
de sielen yn \'t tordjer to lüken. Hy sei dat alle tsjin-
ramp dy in minske oerkaem straffen wieren foar de »god-
looze wereldlingen" en »beproevingen" foar de »uitver-
korenen Jesu."
Immen, dy yn leed sit ef folie to lyen hawn hat is
net sa rimpen der ta to kryen om de dingen fen de
liochtside to bisiean. Hy syketh meastal it skaed op. Sa
wier \'t ek mei baes. Syn hert wier ryp foar de leare
fen de nye domeny en sa kaem it dat er in iverich bodder
waerd op it tsiustere field fenbinyptens en bygelove. Nou
stiet baes oan \'t haed fen in forieninge, dy earst nieamt
waerd fen «Vrienden der Waarheid," mar nou denamme
hat fen: «Waarheid , Recht en Orde." Hwent earst hie
dy forieninge allinne in Goadstsjinstich doel, mar nou
wirket se. ek op it field fen \'e poletyk. Troch al dat
gedoch is baes safier dat er neat foar goed hald, hwet yn
striid is mei syn opfetting fen de goede wei.
Nieske is in faem mei in goed aerd , en hja giet hjar
yn neat to buten. Lykwol is it baes yn \'e wei, dat
-ocr page 14-
14
hja hjar part ha wol fen \'t. bytsje formeits , dat er yn \'t
gea foar in jong faom to fynen is, sa lyk as it Nut en
\'t reeiteer-collegie, dat binne gearkomsten , der de diivel
op \'e troanje sit, sei baes.
Nieske docht jerne heite sin, mar hjar der wei to hal-
den , sa fier kin baes it net krye , en om dei- hjar mei
geweld ta to twingen , der hat er hjar to lieaf ta.
Hy mient lykwol eat iitfoun to habben om hjar hert
feu dy idele dingen of to lüken , en hwet, miene jimme,
dat it is ? It is in man dy foar H goede is.
Jimme witte , lêsers , hwet dat sizze wol, foar \'t goede
to wezen ? Dat wol net sa sünders sizze , dat me elts
sines jowt; net dat immeu oppassend en opriucht is; hea
né, it wol sizze dat er »bikeard" is, dat er prate kin
fen »bevindingen" en him nou en den it ien eft oaryn\'t
sin komt dat me in »ingeving" neamt.
Sa\'n man , tocht baes , is Symen ; dy mat hja ha.
Dat dit Nieske der neat nei like, ha wy niis al sioen
op it iis , en wy witte ek wol hwer it fen dinne komt.
It komt om \'t hja net fen Symen hald, ja, mar mear
yette om \'t hjar hert fol is fen Pybe Siürds.
Pybe is in skütmakkersfeint, syn alden binne dea;
Pybe kin fix leze , skriuwe en rekkenje , en hy teikent
ek moaye skippen ut. Master hat altyd sein: »dy jonge
sit wol hwet yn ; hy scil \'t fier bringe."
Hja woeden earst in skoallemaster fen him meitsje,
mar dat noaske him net. Sa bleauw er by syn heit op
\'e helling, en do syn heit kaem to forstjearren kaem er
by de nye baes.
Jild hat er net, hy scil altyd mei syn fusten him troch
de tiid wrotte matte ; mar der jout Nieske net om ; hja
hat him lieaf, en dermei is alles sein.
-ocr page 15-
III.
Eindlings stille wy de thried fen iis forhael wer op-
fetsje, der hwer wy him los litten habbe , to sizzen by
it jongfolts op it iis.
Mar is it wol Dedich Pybe en Nieske nei to gean yn
hjar flecht ? Och né , litte wy hjar lieaver mei rest litte.
Hwet der barth twisken twa herten, dy fen jonkheid,
lieafde en hope klopje , dat is to heilich om it oan \'e
greate klok to hingjen. Litte wy lieaver in pear uren
foarüt rinne en siean hwet er den by baes Stamsma yn
hüs barth.
Baes sit mei de ald faem yn \'e siedkeamer by in hel-
der barnend fiür.
Lyk as ik sei, baes is in man , dy al op jieren komt.
Hy liketh in goed sextich jier ald.
Syn hier is plat oer \'e foarholle stritsen ; syn strüfe
troanje en de lippen dy \'t er stiif op \'e noar hald, litte
klear siean, dat baes in man is mei in stiif sin, in echte
fryske stiifkop.
Ut in lange kalkene pype fen sit Laem ünder \'e beam"
sücht er greate wolkens reek , wylst er nou en den de
holle skoddet en mei de han syn hier glêd strikt. Dat
komt troch dat baes ut it humeur is.
Oan \'e iene kant fen \'e tafel, tichte by it feinster, sit
de alde faem mei in panne op \'e skerte , beusich mei it
skielen fen in greate koalraep, dy hja strakjes yn lange
reepen snye scil en den wer yn lytse dobbelstientjes.
De alde griise kat leit to spinnen op \'e waerme plaet
by de hird. \'tLiket iis ta dat hja de ienichste is dy it
wol nei \'t sin hat.
Tjinoer de faem oan de oare kant fen \'e tafel, stiet yet in
-ocr page 16-
1G
stoel, mar dat plak is leech. It staniizer , de plaet, de
spegel, it kammenet, alles blinkt yen to miette en seit
ds , dat de aldfryske himmelens yet net ütstoarn is. De
koffiepantsjes op \'e tafel, it reamkomke mei in silveren
mölkeleppeltsje dêr yn , de rook , dy yen tomiette komt
ut \'e koperne koffiekanne, dat alles lit klear siean dat de
liu koffiedrinke scille ; mar .... de lege stoel preketli:
»wy wachtsje op \'e tliredde man."
Baes docht in tige hael üt \'e piip , strykt yet ris syn
hier glêd en seit: »Hwer dat f anke nou wer sitte mei?"
»\'kScoe tinke , baes, dat hja wol hast komme scil;
mülk is hja wol efkes by Bauke Griet ynroun," sei de faem.
»Ja, ik wit wol better: de hiele neimiddei yn idel for-
meits op it iis omjeye en den jouns yet \'e bürren ora-
flinterknippe; dy wralcl! dy wrald !"
Baes lit, wylst er dit seit, in djippe sucht.
»Mar baes , hja is oars in goed f anke , hja hat wol
hwet foar en oar oer en hja is nin wylde fleaner lyk as
der in hopen fen dy jonge klitzen binne."
»Och Tryn ! iis goede wirken — praet er my net fen!
Hja binne neat wirdich ; dj\' derop syn hope bout, bout
op in sangroun."
Hwa wit ho lang as baes sa foartpraet hie , wier it
net dat de klink fen \'e doar oplitzen waerd en der immen
ynkaem. Hja tochten \'dat it Nieske wêze scoe, mar né,—
it wier Symen Wytkop, dy mei in ütstritzene troanje
goejoun winske en derop , sünder hiiu noadje to litten, in
waerm plak yn \'e hirdshoeke ynnaem.
\'t Is wol to siean dat baes mei Symen hwet op hat;
syn troanje wirdt fleuriger en hy hiet de faem om Symen
in piip en tabak to jaen.
-ocr page 17-
17
Nei \'t Symen de piip oanstitzen hat, siocht er tomük
de keamer ris roun en freget, wylst er in wolken fen
riek utbliest: »Is Nieske yet net toreen V"
»Né," anderth baes ; »né , ik think hja scil efkes by
Bauke Griet oangien wêse, om \'t hja der wol gau ris
hinne giet. It is oars net goed dat hja net earst fen \'t iis
óf thüs komt."
»So-o-o?" seit Symen, en hy docht in hael, dy him
hast ünsichtber makket fen \'e reek.
Sa hat er wol hwet fen Belsabub , dy him ek altyd
mei reek en walm omjout as er in ündogensk fyt op it
each hat.
»So, tinke jy dat? Nou, den leau ik doch dat ik bet-
ter op \'e hichte bin , hwent it scoe my binye as ik nin
wierheit spriek as ik siz dat hja oars earne is. Wol ik
jou ris hwet sizze ? Hja is oerdeis de feart opryden —
opflein, mei ik wol sizze — mei Pybe Sjoerds, en hja
scille hjar grif wol sa fier fen honk joun habbe ! dat hja
net foar tsiuster werom koeden. Dy Pybe is ommers sa\'n
ien; — in fint, dy om God of syn gebod jout. It is wol
jammer dat jimme Nieske him altyd ek kar jout."
Baes wirdt bleek om \'e holle. Fen ünkristelike toorn,
ef fen eangstme dat syn bern in üngelok krije scil ? — Ik
wit it net, mülk wol fen beiden.
Hy stiürt de faem wei om ris ut to siean , hwerop er
tsjin Symen seit:
»Ja, Symen, dit is in biproeving," en hy Ut derby in
djippe sucht. »It is myn ienichst bern en ikhalddanich
folie fen hjar; ik scoe derom sa jerne ha , en ik bid er
faken om dat hja in öfkear krije mei fen \'e idelheit fen
dizze ierde.
2
-ocr page 18-
18
Derom scoo \'k hjar graech in man tahabbo wolle, dyyn
\'t stik fen \'t gelove de stfwere leare tadien is; mar hwet
scil ik sizze ? . . . Dit stiet lykwol fêst, dy Pybe krigeth
lijar net, it mei den gean sa \'t wol!"
By dit sizzen komt er in glimke op it antlit fenSymen;
mar it is net sa\'n glimke , dat mei in frieunlike sinne-
striel to forlykjen is, it is ien dat net rnaklik biscreauwn
wirde kin: der is eat divelhaftichs yn dat glimkjen.
»Nou Baes", seit de feint, »jy witte dat ik wol mei
Nieske ophab en der my op litlis om by hjar yn \'e ginst
to kommen , mar ik kin hjar net throye, sa \'t wol liket."
»Kom den moarn to joun ....\'\'
Baes mat öfbrekke , om \'t de doar giet op en Nieske
komt mei in blier en frjeunlik antlit ynrinnen. Hja bi-
stjert lykwol gans sa ringen as hja Symen siocht, dy mei
syn glêsene eagen op hjar digerth, op in menear, dy
tsiücht fen forskate tsjinstridige fielingen; lieafde, jaloers-
kens , haet, al dy dingen binne yn dat iene eachopslach
to lêsen.
Nieske winsket goenjoün, seit dat de tiid hjar hwet
üntkomd is en mat nou in hiele boetpreek fen heit oan-
hearre, dy hjar net biuster noasket, en die hja derom,
al harket se him ek al sunder tsjinpraeten oan , it iene
ear yn en it ore wer ütgean lit; net dat it hjar allike
folie is ho \'t heit oer hjar thinkt, né , mar om hja süver
net bigripe kin, dat hja — buten dat hja wol hwet earder
thüs wêse meyen hie — hjar it minste kwea to\'forwiten
hat, en ek . . . . hja is hwet yn \'e sus fen hjar petear
mei Pybe.
It jinge wy ont nou ta skreawen habbe, is genöch
om de lêser op \'e hichte to bringen fen it wyt, dat elts
-ocr page 19-
19
i
feu us persoanen driuwt om de rol to spyljen der se hjir yn
foarkorame; om my dos netto fier fen honk to jaen, scil
ik mar koartwei meidieje hwet de earste folgen wierne
fen \'t jinge wy nou witte.
Symen sette syn netten fen alle kanten xit om syn
fügeltsje to tangen, mar it woe him net slagje ; as er
miende it biflappe to scillen , den fleach it hasticli foart,
en it dertene ding lake de sleawe fügelfanger op \'e
heap ta yet ut. Skielik bigriep er den ek dat er op \'e
wenstige menear nea syn wyt net birikke scoe, en derom
forsette er de beakens.
Yn alle stillens bigoun er allerhanne praetsjes fen Pybe
üt to struyen , en de laster wol op sa \'n lyts doarp altyd
moai goed tïerje. Sa dürre it net malle lang ef der rounen
alderhanne nuvere teltsjes troch it doarp, dy net folie
moais seijen fen Pybe.
Pybe en Nieske seagen mankoar nou en den to mük ,
mar Symen wist er faeken wol efter to kommen, en
dy makke den wol dat baes it op de iene ef ore wise to
witten kaem. Dit libben bigoun Pybe en syn faem tsjin
to stean en om \'t hja seagen dat it sa nea eat wirde koe,
bisleat Pybe mar om ris in hoartsje foart to gean , nei
in oare pleats en dêr syn fortün to sykjen.
Mei in trien yn \'t each en in klopjend hert joegen hja
mankoar de han fen trou en ljeafde; hja skaetten mei
frese en eangstme, mar op \'e boayem fen hjar herten
laei doch ek in griseltsje hope , dat er yet ienkear ut-
komst komme scoe.
As de wrald us üntfalt en alles tsjuster is om üs hinne,
den rikt de ljeafüke goddinne der hope üs de han
en wiist lis yn de takomst yet in strieltsje fenliocht oan.
-ocr page 20-
20
IV.
Sont it jingc ik out nou ta forlielle ha is der saun jier
forroun. üo skreau min it jier 1874 nou 1881. Der is
fryhwet yn \'t forrin fen dy jiermannich bard yn lis heite-
lfm , oars net ? Der rint nou net allinne in fjürwein fen
Harns nei Liowerd en fen Liowert nei Hearrenfean, mar
it scil net lang tnear dürje ef wy kinne ek mei sa\'n wein
fen Liowerd nei Snits komme en ten Snits nei Starum;
ja, it scil barre dut wy mei in fjürwein lans de diken
stoamê fen it iene ein nei it ore. Jier op jier komme
der mear telegrafen en telefonen , en dizze tsienners fen
foarütgong bringe in hele bulte foroaringe oan. Hja scille
lithiemske seclen en menearen ynfiere en üs alde spraeke
langsom fordriuwe ; — it is sa, mar hja scille ek liocht
oanbringe, der hwer it yet tsiuster is; hja scille de niin-
sken neyer ta mankoar bringe en dertroch meiwirkje ta
it weinimmen fen in rest foroardielen , dy borne fen sa \'n
bulte kwead.
Lit üs derom in tankber brükme meitsje fen de utfyn-
dingen der witenskip. Lit üs de foarütgong net tsjin-
halde, om \'t er somwilen \'t iene eft ore, dat wy lieafhabbe,
yn syn stream meifierth en fornieleth. Och, stakkerts ,
dy wy binne! wy kinne him doch net kere, dy tiidgeast!
Litte wy him den mar folgje , yn \'e hope dat er üs op
in goed paed lieth.
Pybe tocht er sa oer, en hy waerd in great man. Baes
Stamsma roeike tsjin \'e stream op, en hy brocht syn
ienichst bcrn yn \'t lyen.
Mar lit ik fjirder forhelje !
In lyts ketier buten de bürren stiet in lyts hüske oan
\'e sandyk.
-ocr page 21-
21
It hdske is ald, hwent de mürren hingje sahvvet in
heal foet vit it lead. En tsiucht it ütwindige jamk f\'en
earmoed en lyen, vet folie mear scille wy der binnen
siean , dat üs it hert to priemketh.
Hüsrie fynth min der hast net, hwet er yet is, is
skiën en himtnel, mar alles is keal en leech. In blyn
hynsder scoe der nin skea dwaen kinne.
It is in kalde Decimberjoun , mar nin griseltsje fiür is
der op \'e hird.
\'t Is al let; de klok fen \'e tsjerketoer hat krekt sa
tsien swiere slaggen oer \'t romme field bromje litten.
By in aldmoadrige tütlampe sit in frouminske mei de
han oan \'e holle.
Hwa dat is ? — \'t Is Nieske Stamsma , mar min scoe
hjar sikerwier net mear kinne.
De friske reade kleur, dy eren hjar sêfte sidene wankjes
forsierde, is fordwoun : bleek en suchtich siocht hja er
nou üt.
Hja is acht en tweintich jier ald , mar min scoe hjar
earder oansiean for fiertich — sa is dat minske forore.
Lichems- en sielelyen habbe hjar libbensnocht roave.
Foar \'t each libbet hja yet , mar ynwindich is hja dea.
Deadsk en kald is .\'t om hjar hinne, deadsk en kald is \'t
yn hjar hert. Mar né, der barnt doch yet in loachje fen
ljeafde yn dat hert, en dat strieleth wer ut hjar each ,
dat se rêste lit op dy twa berntsjes dy der yn in hoeke
op in bultsek lizze to sliepen.
Earm wyfke !......
Eren koe hja folop alles krije hwet hja winske, en nou
sit hja der iensum en forlitten mei twa berntsjes, dy
moarnier as hja wekker wirde, krite scille om brea. En
-ocr page 22-
22
mem hat nin brea! Mem liat neat, dat hja de earme
hertsjes jaen kin.
O, dat tinsbield, dat hjar berntsjes licht omkomme
scille fen earmoed en lyen , it is net ut to stean !
Earme mem ! . . . . Lit fry dyn trienen rinne ; it scil
goed dwaen oan it fel bineare hert , earm sloof!
Neat is er lykwol dat hjar treast jout. Oan in lieafderik
Albistiurder te leauwen , hat hja net leard. Hja bat net
leard dat God in heit is , dy syn minskebern de han ta-
rikt om se to lieden op it paed fen it goede ; né , min
hat hjar jimmer to foaren halden dat God in »vertoornd
rechter is , tsjinoer it fallene minskdoin, der neat nin
goeds yn is." En alle ünk en tsjinramp , it wier neat as
biproevinge rfen de Here, as straffe for de sünde. Straffe!
mar wermei hie hja sa \'n straffe den fortsienne ? Ja, hja wit
it, hja hat fen hjar libben wol dingen dien , dy mülk
net goed wieren , mar nea hat hja mei opset sin immen
ünriucht dien. En den, is dizze straffe net to swier ?
Is sa \'n lyen , as hja to toyen hat, net to swier foar in
minskebern ?
Dizze thinsbielden habbe niunkelytsen by hjar woartel-
sketten en om \'t hja gjin heger godstsienst koe, ha se
hjar oproerich makke tsjin \'t Albistiür.
Wy scille siean ho \'t it kaem dat Nieske libben sa \'n
rare rin nommen hat.
Do Symen it wiis waerd dat Pybe foart tein wier, tocht
er: nou is for my it paed rom en hy liet oer \'t jinge er
ündernimme woe den ek nin gers waexe.
Oeral hvver er koe socht er Nieske op , dy lykwol mar
neat fen him witte woe. Sneintojouns gong er nei baes
Stamsma mei syn moaiste pak klean oan \'t liif, hy siet
»
-ocr page 23-
23
den mei baes to praten en to smoken en wist de ald man
sa danich yn to nimmen , dat er alhiel mei Symen wei-
roun. Mar as it tiid waerd om nei bêd to gean , den
makke Nieske altiid dat hja earder ut \'e foetten kaem as
baes , en Symen koe den wer üngetreast opkrosje.
Ienris op in Snein lykwol barde it, dat baes efkes
foart moast en moai lang weibleau. Symen naem do syn
trekken to wacht om Nieske to sizzen , ho hy oer hjar
tocht, mar al ho \'t er bea ef him warde , it wier om \'e
nocht, neat koed er mei hjar wirde. Syn bloed koake ,
mar hy mast him bitwinge.
Hy bigoun nou op Pybe öf to jaen. Hy praette er
fen ho \'t dy der op óf gien wier, sünder dat me wist
hwer er stoud of flein wier en dat it spil mei him wol
net plus wêze scoe, Mar do masten jimme ris sioen habbe
mei hwet in fiur Nieske oerein fleach en him it lexom
opsei!
Symen bigriep hjir ut, dat it mei hjar en Pybe yet
net ut wier. Hy swarde by him sels dat er der efter
komme scoe. It lokte him den ek wiis te wirden , dat
Pybe yn Amsterdam tahalde.
Foar dat ik fierder forhelje mat ik jimme sizze dat Pybe oan
Nieske onthietten hie om de wike et fjouwer to skriuwen
en dat er den Geale Pluk freegje scoe om de brieven oer
to bringen. Geale die yn ald goed, alde klean, fodden ,
bonken, endsf. Hy kaem grif om de fjouwer wiken to
Amsterdam en woe for in pear doebeltsjes jerne de brieven
fen Pybe meinimme en dy yn \'t geheim oan Nieske oer-
bandigje. Non en den skreaw Nieske ek in brief oan
hjar fryer.
Sa fornaem Nieske ut it earste brief dat Pybe yn Am-
-ocr page 24-
- 24
;
sterdam wier, mar dat er yet nin wirk krye kinnen hie.
Lykwol, hy scoe him wol redde , hwent hy wier jong en
sterk en hja mast mar mei hope de takomst tomiette gean.
For immen , dy hwet fierder siocht as syn noas lang
is , scoe der yn dat earste brief wol hwet west habbe, dat
just net folie moed joech foar de takomst; mar de wirden
fen trou en lieafde, dy Pyhe der by yn flochten hie,
wieren balsem op \'e wounen, dy Nieske hert blieden die-
den , en joegen hjar kreft om de striid fen hjar libben fol
to halden.
Yn it twade brief sei Pybe dat er slagge wier op in
greate helling, hwer er just net folie fortsjinne, mar wol
hwet lere koe.
Yet in brief kaem er, mar eindlings bleawen se wei
en Nieske fornaem neat mear fen Pybe.
Ho eangstich en near hja derfen wier, kin nin minske
net sizze.
Nou hie twifel oan Pybe syn lieafde, den wer de eangstme
dat er yn \'t ünk siet ef mülk wol dea wier , de oerhan.
Yet slimmer trochpriemken dy fielingen hjar hert, om
\'t er net ien wier, hwer hja hjar ris oan iltlitte koe.
Nacht op nacht koe se net sliepe , en hwet hja den ek
by \'n oar tocht, it waerd neat liochter yn hjar holle ;
Pybe liet neat mear fen him hearre. Ho dat lykwol
kaem , tsjienje ik jimme iit to lizzen.
Geale wier sa slim as in joad; oeral wist er foardiel
mei to dwaen. Do er wiis waerd dat Symen yet altyd
op Nieske los woe , tocht him , dat der wol in duit oan
to fortsienjen wier. Hy gong der lykwol net rimpen mei
to wirk. Dat Symen in haet tsjin Pybe hie , tocht him
koe net oars wêse, en derom forhelle er him dat hy,
-ocr page 25-
2r,
Geale , de oerbringer wier i\'en Pybe syn brieven. Oars
sei er nin byt, hiin tochte, dat Symen scoe hiin nou
sels wol fierder utlitte.
Symen twifele ek net lang ho \'t er scoe. It wier daelk
syn thinken : dy Geale mat ik ha; mei jild en goede
wirden kin \'k folie dwaen. Sa sein , sa dien.
Symen frege Geale as er op in hiel maklike menear in
goed stik jild fortsienje woe.
»Nou ," andere dizze, »Nou, dat kin jou bigripe ! siz
mar ho \'k er oan komme kin."
Syn eagen glinsteren fen habsiuchte do er dat sei.
»Nou" , seith Symen, »kom den joun om acht oere jrn
\'e Bokkeleanne, den scil ik dy sizze hwet astou to
dwaen heste."
\'t Wier der iensum en stil en derom wier \'t krekt in
plak for in byienkomste , hwer yn me in oanslach smeith
op \'t libben , \'t jild ef it lok fen in meiminske.
.Geale Pluk wier al op syn post do Symen kaem. Hy
wier net riucht op syn gemak. Allinne yn sa\'n leane ,
hwer de moanne syn frieunlik skimerliocht yn ütjiet, dat
scoe for alle earlike ljue in fieling jaen, dy hjar tbinzen
opdreauwen nei heger oarden , nei de oarden fen liocht
en libben der boppe , hwer thüsenden fen wralden nei
ievich fêste wetten omroaljende , altyd mei deselde kreft,
altyd lans deselde wei, de greatens fen de Algeast preekje.
O , minske! dou klagest oer it ünrêstige fen it libben
hjir op ierde V Siach nei boppe , nei it blauwe stjerre-
field ! Thüsenden fen Kochten glimkje dy oan en lusterje
dy yn : »hald dyn paed riucht, krekt as wy, den scilste
mids yn \'t gewrot en gewraem om dy hinne rest fine en
threast."
-ocr page 26-
26
Mar sokke fielingen wist Geale net fen. Yn syn siel
wie der nin plak for heger thinzen. Der wier mar ien
ding dat syn hert waerm meitse koe , en dat ding wier
jild , jild en yetris jild !
»Jildis de ziel fen \'e negotie," plichte er to sizzen, en
dat is ek sa; — mar de menear hwerop hy der faeken oan-
kaem , koe lang it liocht net fornere, net iens it bleke
moanneliocht.
Is \'t den nfchheid dat er skriiten wier en dat er yn
eltse beam , dy syn skaed oer \'e leane falie liet, in
spoek seach ?
»Kom bin jou der? Nou, jou ha my lang wachtsje
litten, hear! Mar .... ik hoef doch nin moard to
dwaen, nou V"
»Né," seit Symen, »sa slim is \'t net; der stiketh
egentlik neat sa sünders yn." Mar syn gewisse sei him
doch süntsjes, dat it in sedelike moard wier, dy er foarhie.
\'t Kwead is lykwol in kanker, dy sa lang oan \'t ge-
wisse foartfret ont er einlings hast neat mear fen oer-
bliuwt, en Symen syn gewisse hie nea net hiel great
west.
»Mar al hat it nou ek net sa\'n bulte om \'e hakken",
foer Symen foart, »Jy matte my doch altyd onthiette,
dat it jingft wy hjir nou forptaete ünder fiower eagen
bliuwt."
»Nou, dat kin jou bigripe ! \'k Scoe my sels de fiu-
gers barne!"
Hjirop forhelle Symen nou Geale hwet plan as er ré
hie om Tybe oan \'e kant to krijen. Dat scoe sa gean.
Sa gau as Geale hwer to Amsterdam kaem scoed er
Pybe , krekt as altyd , opsiikje.
-ocr page 27-
27
It brief, dat er ien him meikrige mas,t er nefc oan
Nieske bringe , mar oan Symen jaen.
Hy scoe Pybe sizze dat Nieske syn öfwêsen just net to
swier opnaem, om \'t hja nou en den yet al ris in feint hie.
Nieske hjar brief moast Symen ek ha.
Fierder scoe Geale yn \'t gea ütstruye dat Pybe alhiel
op in forkeard paed wier en der mar aldermalst yn Am-
sterdam trochgong, en einlings — as de ljue derfensa-
hwet aerdich yn \'t gelove wieren —• dat er teikene hie as
soldaet nei de East.
As Nieske nin langer tinge fen Pybe krige , en hjar
derby it praet fen \'e ljue oangeande him to earen kaem,
den scoe hja hjar sinnen doch wol fen him öfsette, miende
Symen , en den hie hy de baen rom.
Hwet in divelsk plan oars net?
Do alles ófspritsen wier, kaem it oan de bileaning
fen Geale ta. Nei folie tingjen en bieden waerden hja
it iens , dat hy dalik tsien goune ha scoe en fierders foar
eltse brief, dy Symen krige fiif goune , en eindlings, as
alles goed ófroun en hy Nieske ta wiif krige, scoed Geale
yet fyftich goune habbe.
En it plan slagge mar al to goed !
Wy habbe sioen dat Nieske nin tinge mear fen Pybe
krige; derby gong it praet troch it doarp dat Pybe him
sa raer yn Amsterdam to buten gong; en waerd er op
it lest forteld dat er , nei \'t er alles hwet er hie, for-
slampampe hie, nei de East teikenje matten hie as soldaet.
Nieske wier alhiel forbüke. Ta oermiette fen ramp ,
waerd hjar heit siek , tige siek.
Dokter sei, dat it koe wol ris in lang fortrek jaen, mar
like goed scoe \'t ek gau dien wêse kinne.
-ocr page 28-
28
Nou barde \'t op in joun dat baes it tige krap hie, do
er Nieske by syn bêd röp.
»Nieske," sei er nei in hortsje , dou witste hofolle as
ik fen dy hald en ho ik altiten myn best dien ha om dy
lokkich to meitsjen; mar nou kin it woï ris gau mei my
dien wêse. — Skriem net, fanke! it lib&en is hast neat
as lyen en oan de ore side fen \'t grêf forwachtsje ik in
silliger oarde as dit ierdske triennendal."
Hjir mast er in hortsje ophalde om to sykheljen.
»Dou witste Nieske!" sa forfolge er wer, as ik wei
kom to reitsjen is der in aerdich stürke jild for dy, mar
lykwol dou scilste dochs in ienlik en naer libben ha; —
derom, fanke, is \'t for dy mar best om trowen to thinken.
— Pybe woe ik dy net ta ha, en ik wegere it ta dyn
egen best. Ik wol nou mar neat mear fen him sizze om
\'t er nou doehs foart is."
Baes mast wer efkes rêste en Nieske gülde it omtrint
üt fen fortriet. Baes bigoun wer:
»It moeith my dat ik dy alde woun hwer iepen helje
mat; mar ik mat om \'t ik net wit honear as de dea komt,
dy oan alle ding in eind makket. Nieske , ik scoe to-
freden wêse astou troud wierste mei Symen. Hy is foar
de wierheit; hy hat syn brea en hy haldt folie fen dy.
Hy scil fêst in goe man for dy wêse."
Nieske wier alhiel fors Lei n. It wier as -hjar hert yn
enoar kniept waerd. Hja foei op in stoel del. — Oan \'e
iene kant in man, der se in tsjinnichheid oan hie ; oan
\'e ore kant in sieke heit, dy hjar bea .... oan \'e igge
fen \'t grêf . . . om doch dy man hjar han to jaen . . .
\'t Wier in striid om ünder to biswiken, om it forsttin
to forliesen ! . ... Hwet scoe se dwaen ? ... .
-ocr page 29-
29
Yn \'t ein gong se opstean en sei: »Heit, ik scil jou
sin dwaen ; dat^ God my kreften jow !".
»God scil dy syn sein net unthalde myn bern!" an-
dere baes.
Nou wier it ütmakke. Symen , de falske Symen, dy
glüpert, hie de slach woun.
Fiouwer wike nei dy tiid lies exteur fen \'e treppen
fen \'t gemeintehüs it earste gebod óf fen Symen Hoepelstra
ald 25, en Nieske Stamsma, ald 21 jier, en fiertsien
dagen dernei wieren hja in pear.
Do de breid mei Symen foar de boargemaster stie, wier
hja sa oerstiür, det elts meilyen mei hjar ha mast. Mei
in triljend lüd spriek hja it jawird ut,
De earste wike seis fen hjar houlik gongen loar \'t each
fen \'e minsken ridlik foarby, mar do kaem de kat al ut
\'e sek krüpen. De alde knepen , dy Symen salang yn-
halden hie , kaemen ut \'e mowe.
Alle merkedagen mast er nei stêd ta, howol er der
oars neat to dwaen hie, en it barde faeken , dat er mei
in moai stik yn \'e kraege den wer thus kaem.
Yet slimmer waerd it do baes Stamsma kaem to for-
stjerren en de jonge ljue in moai stürkejild neiliet. Sont
dy tiid kaem Geale Pluk faeken by Symen oan hüs en
bleauw den lang mei him yn \'t sydkeamerke. Hwet der
barde wist Nieske net, mar dat it net folie sünders wier,
omdat it nin liocht like fornere to kinnen , hie hja wol
loar \'t forstan.
Ik wit der mear fen en scil \'t jimme sizze.
Symen hie, trou oan syn wird , Geale it Judaslean üt-
bitelle; mar fiertsien dagen nei de dea fen de ald man
kaem er wer en easke alle wiken fiif goune, om \'t Symen,
-ocr page 30-
so
sa redenearre er, syn lok oan him to tankjen hie en er \'t
nou skoan dwaen koe.
Hwet scoe Symen dwaen ? Died er \'t net, Geale scoe
syn fiten oan elts en ien fbrhelje en \'t hiele gea scoe him
op \'e rêch oansiean. Qy mast derom wol oan syn easken
foldwaen en sa waerd er finzen yn syn egen net.
Geale wier forthoan syn boase geast, dy him oeral
efter de boxen siet. \'t Ien en \'t oar joech in rampsillich
libben.
It jild fen de ald man , sa sur fortsienne , fleach wei
krekt as \'t yeske wier. Amper iiouwer jier hieden hja
troud west, do wier \'t hüs al forhypothekearre , in heal
jier letter waerd it forkoft en al hjar hüsrie forböelgüdde
en dermei wieren hja ek hjar middel feu bistean kwyt.
Earmoed en lyen wier nou dei oan dei hjar diel. Hja
hieden twa berntsjes ; Nieske koe dos net in bulte mei
fortsienje , hwet hja lykwol doch , sa folie as \'t mar eat
koe , die.
By dit lyen kaem by Symen yet — net it forwyt fen
syn gewisse — mar de spyt dat er him sels yn \'e groun
wrot hie, en om die spyt to deyen naem er mar wer syn
taflecht ta \'t jeneverglês.
En hwet foar beide de ellinde yet in eind swierder
makke , wier , dat nin ljeafde en hiislike frede de angel
ien \'t lyen stomper makke.
Do dit in pear jier sa dürre hie bigoun Symen let yn
\'e hjerst to sukkeljen.
De drankjes fen \'e earmedokter wieren net yn steat
dat lekke skip boppe wetter to halden. Symen stoar......
En Nieske V Hja forgeat triennen op syn grêf, trienen
fen eangstme foar de takomst, triennen fen bangens for
-ocr page 31-
31
de winter, dy as in heislikspoek hjar oangrime, ja, mar
ek in echt minskelike trien for de heit fen hjar earme
berntsjes......
Sa ha wy hjar den non sioen, acht wike nei de dea
fen hjar man.
Hja skriemde om \'t hja net wist hwer \'t hja moarn hjar
hertsjes brea wei jaen scoe. Wy matte hjar in eagenblik
mei hjar leed allinne litte en geane nei de bürren torêch.
V.
It doarp, hwer dizze skiednis bard is , leit oan in great
farwetter, der alle skippen, dy fen \'t süden óf nei Liowert
farre , trochkomme.
Porskate fear- en ore skippen komme der lans en halde
by de brêgge foar de herberge »\'s Lands welvaren1\'\' oan.
Nou lykwol is \'t wetter-flak yn in fêste wei forore. Yn
\'e pleats fen skippen brükt min sliden om it güd oer to
bringen.
It jongfolts hat yet syn nocht net fen klawen en krassen
op \'e feart. Boppe op \'e opkeamer fen \'e herberge giet
de fioele , mar dounsers binne der yet net. Under yn \'e
taepkeamer is it yet leech.
Mei fêste streken komt er immen de feart opriden. Hy
haldt stil; hy bynt syn redens óf. It is in man fen om
en by de tritich jier ald. Hy is matroashaftich yn \'e
klean. In great gouden horlogiekeatting kipeth ünder
syn jekkert wei. Yn \'e opslach fen syn each laeit eat
swiersettichs. \'t Liketh üs ta dat er oandien is.
Hy sikoth in plak by de kachel, sa , dat it liocht net
flak op him delfalt en er sahwet heal yn \'t tsjuster sit.
Hy easketh in fleske wyn en fregeth, nei in fixe slok
-ocr page 32-
XL
nomd to habben , oan \'e kastlein as er ek in glês mei
drinke scil, hwent liy haldt fen selskip seith er.
Nou, jinime bigripe dat de kastlein him net lang noadj e
lit, mar gau tapakt, »\'k scoe my sels bineidiele ," seith
er as ik net fen jou freunlikens brükme makke."
De kastlein stekte de piip oan , de reisger in cigaer.
»Wenje jo hjir al lang, kastlein?"
»Ja — lit ris siean — ja, Maye, wirdt it saun jier
dat ik dit spil krige ha. \'k Ha \'t do oernommen for
fiower thüsen goune fen baes Stamsma. Dy wier der
egener fen en forhierde it, mar by syn forstjerren waerd
it oan jild makke."
»Dos is baes Stamsma dea ?"
»Ja, habbe jy him kind?"
»Nou , sahwet, en .... \'k ha wol ris heard dat hy
in ... . in dochter hie , . . . dy min de moaiste faem
fen \'t gea neamde," seith de reisger wylst er min efte
mear trilleth.
»Ja, dat is ek sa; mar, ochHere ! dy is diep to bikleyen.
Jy matte witte dy faem — hja hiet Nieske — fryde mei
in fix jong feint. Syn alden wieren dea ; syn heit hie
skütmakker west, mar dy saek waerd nei syn dea oerdien
en Pybe kaem by de nye baes to tsienjen for feint.
»Nou seyen se wol dat Pybe hwet in wyld hier yn \'e
nekke hie, mar dat wier den oars sa slim net. It wier
in nuver aerdich jongfeint, dy him skoan redde koe.
» Nieske en hy wierren it mei mankoarren iens, mar hwet
wol it gefal ? de ald man is der danich tsjin. Hy forbea
dat Tybe by him oan hüs kaem.
»Nou, ho giet it mei \'t jongfolts? Kinne hja it net
thüs fine , den sykje se \'t om iitens, dat follentiids net
-ocr page 33-
03
folie better is. Mar hwerom , miene jy , hie baes der op
tsjin ? Om \'t er tocht dat de faem in man ha mast dy
it alde gelove alhiel tadien wier ! — Jy matte witte, baes
Stamsma wier danich orthodox. De feint nei baes syn
sin wier Symen Wytkop. Nieske woe lykwol earst neat
fen him witte, mar eindlings barde \'t dat Pybe ünfor-
wachte it doarp forlieth, sadat nimmen wiste wer er stoud
ef flein wier. \'t Dürre lykwol net malle lang do gong
it praet dat er nei de East teikene hie as soldaet nei \'t er
alles yn Amsterdam forslampampe hie. »Koart derop
waerd baes siik en in wike mannich letter boaske Symen
mei Nieske."
De reisger lit syn glês, dat er krekt oan \'e müle
bringe scoe, yn alle griseleminten op \'e groun falie.
ȟat \'s neat, \'k ha wol mear," seith de kastlein, dy
moai op syn stoeltsje is , nou \'t er sa\'n oandachtige ta-
hearder hat.
Hy helleth in ore romer en forhellet fierder :
»Ja , it like elts freamd ta, mar min seit — ik scoe
it oars hast net leawe wolle — dat baes , do \'t er thige
min waerd, Nieske twongen hat om oan Symenitjawird
to jaen."
De reisger lit in diepe sucht en seith: »En nou ?"
»Nou? Symen hat alles der throchjage jen fen\'t hjerst
is er stoarn. Nieske hat twa bern; hja hat it tige krap
en wenneth in ketier buten \'e bürren oan \'e sandyk."
De kastlein mat nei de taepkast om \'t er inpearman-
lju ynkomme, dy elts foar in stoer jenever easkje.
Underwiles stieth de reisger op.
\'6
-ocr page 34-
34
»Hea , hwet binne jou bleek!" seith de kastlein.
% Jcl . IS \'t anderth , ik think dat de kachel my to
waerm is. \'k Scil efkes yn \'e loft siean , den scil \'t wol
oergeati."
Hjirmei strykt er hastich de doar ut.
Mei in feart rint er de sandyk op, krekt as sit er im-
men him efternei.
Yn minder as tsien minuten stieth er foar it alde
liüske , hwer wy witte dat Nieske wenneth.
Hy bliuwt stean.
\'t Moanliocht biskynt syn troanje.
Hy is malle bleek om \'e holle.
Syn lippen binne stiif op enoar drukt; hy knypt beide
hannen stiif op it boarst gear en seith mei in dof lüd:
»Moed ! moed ! it mat wêze."
Hy giet süntsjes nei de doar ta.
Alwer bliuwt er stean; yet ris liketh syn kreffc him
to bijaen.
Yet ris docht er in stap neyer.
Hy siocht in fiau liocht banun troch de alde blynden.
Hy giet alhiel deun oan \'t feinster en siocht Nieske
sitten mei de hannen foar de eagen; skriemende fen hertsear.
»Dat is to slim!" ropt er, en mei iens loekt er de
doar op en stapt yn \'e hüs.
Nieske fliucht forheard oereind.
»Pybe !" guit hja en siicht yn enoar op \'e groun del-----
1 loef ik jimme hast wol to forheljen ho \'t fierder öfroun ?
Nieske kaem gau hwer by hjar sels. Hjar lyen hie
nou in eind nommen. Pybe koft in tsjep hüske midsyn
\'e bürren. Nieske gong der to wenjen, en do se in jier
-ocr page 35-
85
en seis wiken widduw west hie, boaske se mei Pybe.
Mar , scille jimme freegje , ho is \'t Pybe Sjoerds gien ?
\'k Scil it jimme gau ütlizze frieunen. Pybe wier nei
de East tein om \'t er yn \'t gelove wier dat Nieske net
mear oan liim tocht. Hy hie lykwol net teikene as sol-
daet; né , hy hie him forhierd op in Eastindiefarder as
timmerman, en allinne foar de hinnereis.
Do hie er yn \'e East skielik wirk foun op in greate
werf fen \'t Kyk.
Om \'ter in skrandere kop, in sterke hüd en in goede
wil hie, kleau er gau op ta opsichter.
Hy studearre yn learde boeken oer syn fak, en die in
examen as Ingenieur, en fortsienne do in bulte jild.
Mar ho wirksum as er ek wier, doch fielde er altyd
in langstme nei syn heitelan, dy \'t er mar net fordriuwe
koe. It bield fen Nieske spile him derby altyd foar de
sinnen.
Hy fortsienne , lyk as ik sei, in boel jild en fortarde
in bytsje ; sadwaende hied er gau in goed stoer jild oergarre.
Do \'t er binei saun jier yn \'e East west hie, tocht
him, mast er ris forlof freegje , en dat krige er ek foar
in hiel skoft. \'tSprekt fen sels dat er daelk nei syn
bertepleats teach. Ho scoed er it litte kinne ?
Wier it tafal ef wier it Gods-bistiür dat er krekt op
dy tiid oankaem? . . .
Pybe frege nou fen sels syn üntslach en it dürre den
ek net malle lang of me lies yn \'e krante:
Z. M. heeft op verzoek eervol ontslagen als Ingenieur
lste klasse in Nederlandsch Oost-Indië den heer P. S.
Walstra, thans met verlof in Nederland.
-ocr page 36-
36
Om \'t er lykwol al to jong en to krigel wier om lid-
dig to rinnen , liet er oan it eind fen \'e bürren, op it
selde plak der syn heit wenne hie, in sküthelling meitsje.
Wy winskje him en syn wiif lok en frede ta.
En Geale Pluk ?
Sont Pybe torêch is hat min Geale nea net wer yn \'t
doarp sioen.
Ut.
^^^ac^a^^sft^*^-