-ocr page 1-
o/2^r
/> -.\'/■
cy> IF"*1 WrW.m.y^.v!w"^\'¥^wr^JW^
l?rTS\'-y.¥)T\'J»WA<^gB^]\\,
.iwiimMW»iJujiiwi.».»iniii<ntiwiitiiiutiiuw»»iuiwiinuju.mnnuiini»iiir.
T IT SA?
TOANIELSTIK
yn Pjouer Bidrjiiwen
: \\1
THOCII
VJk*
S. YALKENA
FES
Mr
* * * WIRDUM. #*
Prime bij Ph. Weijek — VVolfegea
9to\\wwmm\\wmwuiiuwmunuM\\u\\j<ui\\Hvummmmwwiimm*m&
/Mi,
-ocr page 2-
-ocr page 3-
/(o. FJ--
MO AT IT SA?
Toanielstik ijn 4 bidrjuwen.
PERSOANEN:
Klaversma , in boer.
Grytsje, syn wiif.
Dyntsje, hjar dochter.
Sjouke, in earme boerelsoan, frijer fen Dyntsje.
Wojjde, in jonge iïke Boer.
Klaes, feint bijWobbe, | \\ntinmn • ■■*
Maei, faem bij Klaversma, ( lelter man m wnf
Lys, bölkoerrinster.
Jochem , in pakkedrager.
lt 1ste  bidrjüw spilet bij Klaversma.
» 2de »
           » »         »
» 3de » goed 3 jier letter bij Wobbe.
» 4de » yet 3 jier letter bij Klaversma.
-ocr page 4-
EARSTE BIDRJUW.
In gewoane boerekeamer bij Klaversma.
Moei, hja faget sjongende de keamer oan.
Jochera, mei in pak op \'e rêg,
opkommende :
Moarn Maeike ! Kom, fagest de boel hwet oan ?
En hwet bist fleurich yn \'e iere moarn; nou al sjonge,
en \'t is noch gjin 8 ure. Witst\' wol hwet it sprek-
wud seit 1 »Dy foar achten sjonge, moatte nei ach-
ten gule".
M a e i:
Hwet de sprekwudden sizze, kin mij neat skille,
ik sjong as ik der niget oan haw. Mar wolle jou
tonei de foetten hwet skiender óffeije? Oars helpt
it himmeljen mij neat.
J o c h e m :
Foi! net sa brimstich, sa botte smoarg binne myn
foetten net. Ien feech mear, dan is \'t wer skiën.
Is de frou thus\'?
Maeike:
Ja, hja is efier bij de tsjerne, ik scoe de keamer
for hjar oprêdde, dan koen\' we bitiid kofjedrinke,
sei se, hwent it folts moat mei de bisten fen hüs.
J o c h e m :
Dat koe ik dan wol ris trelfe, dochs fen \'e moarn
haw \'k dat net oan tiid. Scoene je hjar net efkes
roppe wolle ? ik haw in lyts boadskip oan hjar, en
dan gean ik gau wer foart.
Maeike
Ja, \'k scil \'t wol efkes dwaen; gean dan mar op
-ocr page 5-
3
dit skiene plak sitten; hjir is in stoel! (Maeike óf.)
J o c h e m : (allinne.)
Och, och, hwet jout dizze sondige tiid al hwet
to dwaen yn de wrald; hwet kin ik skoan sjen dat
boer Klaversma ek net mear is, hwet hij west hat
dan syn reaw en beslach is \'t to sjen, hear!
En dat sokke oppassende ljue, ien wa nimmen
sizze kin, dat hja it forpronke of fordien hawwe.
Hienen hja hjarren mar hwet mear oerjoun oan
it goede, en de geboden better leauwt, wis hienen
hja dan mear seine hawn op hjar wegen. Hwent
dit is mar wier: dy op syn eigen kreft mient bouwe
to kinnen, en de geboden des Hearen net achtet,
dy syn gebouw rest net op in stevige sangroun,
mar scil ynstoarte as alear de mürren fen Jericho.
Sa giet it mei Klaversma syn hüshaldinge ek,
dy........(Hij heart frou Klaversma oankommen,
dy opkomt mei de mouwen opstrüpt.)
J o c h e m (tsjin Grytsje):
Moarn frou! Ho is \'t mei jou?
Grytsje:
Moarn Jochem! Best, ho is \'t mei jou?
Jochem:
Jou scille wol tinke hwet is Jochem hjir ier en
bitiid, hwet scoe dy hjir for boadskip hawwe?
Mar, sjochje! ik hie heart dat Dyntje Maeie trouwe
scoe, en nou tocht ik. ma)* yntiids er bij to wezen ,
hwent jou scoene dochs vvoi it iene en \'t oare nou
noadig wéze, en dy er it earst om freget, hat de
earste kans, tink ik altilen sa.
Grytsje:
Dat se trouwe scil, is noch sa fier net, en scil ek
licht noch sa ga\\i net barre.
Dat jou mij om de gunst freechje doarre, liket
mij bütendat wol hwet freamd ta, omdat je mij
koartlyn mei dat rokstreept sa bidragen hawwe.
-ocr page 6-
4
J o c h e m (forheard.)
Ik jou bidragen? Foi, foi! ho kom j\'er bij. \'t Is
fen de selde lape, der jou op \'t stael fen bistelden.
G r y t s j e:
\'tlsdaedlik, sa\'t ynpakt wier, nei de skroar brocht,
foar dat ik it neisjoen hie, en dat spyt mij nou.
Mar fen in man, dy sa as jou sa drok nei de fine
tsjerke sjouwt, hie ik gjin biskiterije forwachte. It
blykt lykwol dat ik to goed oer jou tochte, hwent
do \'k de rok thüs krige , do fornaem ik wol, wa\'t jou
leferansier west hat. Dat is deselde keapman net
iens, dy jou seinen en ho scoe dan de rok fen de-
selde lape wêze der \'t stael fen wier?
J o c h e m (hwet forlegen):
Ja, sjochje frou! jou witte like goed as ik, dat
alle goed net like goed ütfalt; wij sitte er sels net
yn. Wij moatte it dan to nei mar hwet skikke, as
je wer ris hwet noadich binne, tinkt mij.
Gr y tsj e :
Ik scil jou ek noch wer de gelegenheid jaen om
mij to bidragen ! Né, man! sa leit it lan net. En
ik kin myn tiid ek net mear mei jou forbeuselje.
Wolle je hwet sitten bij uwe, dat is mij goed, mar
jk moat foart. Moarn! (Of.)
J o c h e m (hij scil ek foart):
Stom! wa scoe dat tocht hawwe.
M a e i, komt op en seit:
Wel keapman, al hwet forkoft oan de frou ? (Hja
laket.)
Jocliem (</n \'t foartgean) :
Wa stckslou de gek oan\'? Ik haw neat mei dy
to meitsjen. (Of.)
M a e i (allinne):
Dy hat it rokstreept yn \'e mage, wol \'k leauwe.
-ocr page 7-
5
Dy skynheiligen kwibus, mei syn geflaei hat er elts
mar by de mouwe. Hwet binne de minsken al un-
gelyk. Mar dit haw ik al bij lïnderfining: dy rjucht
en roun syn miening seit en de wierheit heech haldt,
dy kriget net sa gau in wyt foetsje bij in oar, as dy
de hüch hwet nei de wyn hingje lit. \'t Is bidroed,
mar min kin er ek net altyd oer jeuselje. Min moat
eigentlyk de gek mar met de wrald hawwe. (Hja
sjongt.)
W o b b e , opkommende:
Moarn Maeike! Kom, hiest dyn leaf bekje al wer
oan \'t sjongen set ? Nou, nou ! de nachtegeal is ei*
in bistke bij: as ik sa moai song as dou, dan woe
\'k bij de hüsen lans, leau ik. (Hij wol hjar om \'t
kin strike.)
M a e i (slacht mei de hdn nei him) :
Hald je hannen thüs, dat haw \'k jou al faker sein.
As jou sa moai sjonge koenen en bij de hüsen lans
rounen, dan hienen de boeren gjin lést fen alde roe-
ken en aksters.
Wobbe:
Ho dat sa, tinkste ?
M a e i:
Hja seagen jou dan misskien for in earn oan, en
for sok folts binne hja skrutel.
Wobbe:
Ho is \'t, hast Sneintejoun ek in frijer hawn ? Myn
feint hat er al op üt west. Hij komt hjir wol ris
mear, net ?
M a e i:
Moat ik jou alles oan de noas hingje ? Nou, nou!
dan bügde dy gou troch fen ballêst en dan hie Dyn
tominsten gjin sin oan jou.
Wobbe:
Hat Sjouke hjir Sneintejoun ek west ? Hwet tink-
-ocr page 8-
6
ste, Maei, scoe Dyn sa\'n bulte mei him opViawwe ,
dat hja net fen him ófsjen kin 1
Maei:
Wa scoe mei sa\'n krease, tsjeppe feint as Sjouke
net in bulte ophawwe ? En dan noch to mear as
it sa\'n troch beste feint is, dy sa warber is tor syn
brea. Dat is ek hwet vvirdig, al hat sanien dan ek
gjin jild der hij op pochge kin. In soune llinke
holle en lea, in earlik gewisse en in pear goede
hannen oan \'t liif om to arbeidsjen, — sei myn pake
altyd, — binne like folie wirdig as in boerepleats,
en dat leau ik ek wol. As ik Dyn wier, dan wist
ik wol hwet ik die. Hja fynt net gau better keardel.
Wobbe:
Dat mei sa wol wêze; sa\'n earme lusangel as hij.
En dan nog to greatsk of to loai om te tsjinjen. As
hij dat die en him by foarbyld bij in boer forhierde,
dan koenen syn alden der hwet mei baet wirde.
Sels hawwe se neat, hja brüke it jild fen in oar en
kinne op \'e tiid de rinte net iens bitelje. In greate
Earade en in lyts garnisoen; hja miene te wezen
wet hja nea wirde scille.
Maei:
Hark ris, it stiet jou gemien in oar to birabjen
en dan yette to mear, omdat jou mei dy minsken
neat hawwe ut to stean. Hja brüke gjin jild fen
jouwes, wol 9 En dan kin \'t jou ek neat skille ; hwet
in oar docht, giet jou net oan, man. \'t Wier folie
better dat jou je der oer stil halden.
Wobbe:
Hwet ik er fen sizze wol, scil \'k sels witte, der
freechje \'k dij net nei, mei dyn finnige bek. Ik
siz mar dat it skande is, dat hja sa\'n fortoaning
meitsje, om in oar dermei to oerbluffen.
Maei:
Jou miene mar, dat dy jild hawwe, ek beste,
-ocr page 9-
7
minsken binne, en dat de oaren nergens oars for
dooche as for arbeidsjen. Wol ik jou hwet sizze?
Sjouke syn alden wirde al jierrieh, hja kinne sels
net folie mear oan de boerkerije dwaen, en nou fyn
ik it just tlink fen him, dat hij syn best docht, om
syn alden to stypjen en to helpen.
Altyd hawwe dy itlde ljue yn dat spultsje wenne,
en it scoe hjarren nei gean, as hja it nou forlitte
moasten.
Wobbe:
Dat scoe wol gau hwet wenne, as hja er mar ut
moasten.
M a e i:
Jou kinne moai prate, mar begripe kinne jou
tige min, sa \'t liket.
Wobbe:
En hwet scoe it mei Dynlje en him wirde ? Kleare
bare lyen. Hja yn in lyts huske, en as er dan twa
hüshaldingen fen Sjouke syn fortsjinst libje moasten,
dan koe dat dochs ommers net, dan iet de iene de
oare gau op.
M aei:
Dyntje hat ek ilinke hannen oan hjar lichem, hja
hat arbeidsjen, naeien en breidsjen en alles hwet er
bij heart , leard, sa goed as er ien is. For twa sokke
kloeke, bitoefte ljue scoe er dochs yet wol in stik
brea oersjitte op in lyts pleatske of sa.
Wobbe:
Ja, praten is praten, mar dwaen is in ding ; — dat
scil wat öifalle.
M a e i:
Mar »sin en wille , kinne folie tille," kin ik ek
wol sizze, en mei rjucht. Ik hie tominsten ien sün-
der sinten , mar dy deugdsim is en dy arbeidsje wol,
frij wat ljeafer , as sa\'n loai, greatsprekkirige, superige
-ocr page 10-
8
kwibus; hwent ien dy misbrük fen sterke drank
makket, kin in trije-mester troch de kiel jeije, seit
it sprekwud, en sa goed scille \'r dos ek wol ien of
twa boerepleatsen troch kinne. (For hjar sels:)
Knoapje dat yn dyn ear.
Wobbe (lilk):
Dan scoe troch dynes wol in tsjerke mei toer kinne.
\'t Liket wol dat stou sin oan Sjouke heste, sa folie
goeds wist\' fen him to fortellen.
Mae i:
Nou, ik scoe him wol hawwe wolle , as er sin
oan tny hie; dat scoe in lukje wêze. (Hja laket.)
Wobbe:
Dat scil ik ris tsjin myn feint sizze, dan wit er
ho it stiet.
M a e i:
Der laitsje \'k hwet om, man! Ik jow noch de
iene om de oare. Wol Klaes net, dan stiet Piter
wol wer klear, der binne mear manljue as tsjerken.
Mar ik stean myn tiid mei jou to forteutsjen; ik
moat noadig oan t wirk. (of:)
Wobbe, (allinne, trapet it toa-
niel op en del:)
\'t Is divels, dat Dyn noch altyd net fen dy fint
öfsjen kin. Ik kin \'t mij net bigripe. Hja kin \'t
sa skoan bij mij krije, en hja blüwt mar öfwearsig.
Mar ik krij er de brui fen, ik lit mij net mear om
de tün liede. \'k Scil de alde boer mar sizze hwer it
op stiet; hja scil myn wiif wirde, al scil de ünder-
ste stien ek boppest en oars wol ik myn jild hawwe.
Ien frommis kin mij eigentlyk nou wol net sa\'n
bulte skille, der binne sa folie, dy wol graech wolle,
en ik lit mij net oan in strie bine, mar for dy fint,
dy Sjouke, ünder to dwaen, dat is mij dochs ek to
min; dat doch ik net. Né, der scille wij net fen
hawwe. (Hij sjocht ta it finster ut.) Der komt Kla-
-ocr page 11-
9
versma krekt oan. \'t Moat nou mar wêze, de kop
is mij gjin jellen lang. (Klaversma komt op.)
Wobbe, (tsjin Klaversma:)
Moarn, Klaversma!
Klaversma :
Ek goe moarn!
Wobbe:
Der hawwe je mij al ris wer. En ik scil ek mar
mei de doar yn hüs falie, ik scoe ris bij jou sjen,
om mei jou óf to praten oer de saek, hweroer wij
forline wike net ófhandele wiemen. Der isnoujust
sa\'n haest net bij, mar as min soks hwet yn \'t sin
hat, wol min der ljeafst net lang mei wachtsje. Ik
bin oer dy saek deselde bljeaun. Ik wol, sa ik do
sei, jou fjirder helpe en bijstean. De twa ttisen
goune kinn\' jou mei alle ljeafde fen mij krije; mar
altyd mei \'t bitingst dat Dyntje myn wiif wirdt.
Mar as jimme dat net tasteane en hjar der net ta
oerhelje wolle, dan easkje \'k mei gauens myn jild
op. Ik haw der oars ek wol plak foar; en boppen-
dien, ik wol myn sinten net ienkear yn de hannen
sjen fen sa\'n fint as Sjouke. It hat lang genöch
dürre, dat ik om Dyntje stikke, en yet wolhjaneat
fen mij witte en haldt mar mei dy oare fint oan ;
ik haw myn nocht er of. Jou hienen mij ünthjitten
dat hij net wer bij jou dochter komme scoe, en for-
line snein hat hij er al wer west. Ik bin er de
man net nei, om mij for boantsjelap halde to litten.
Der haw \'k mijn namme to ljeaf ta.
Klaversma (dxj forheard op-
harke)
:
Jou goede namme scil myn dochter jou nea ünt-
nimme. Ik haw hjar lykwol net oan \'t kjetting, lyk
as myn hiemdóge en \'k wol hjar alles net ünthalde,
wer hjar sin op fait. Dat ik bliid bin dat je my helpe
wolle, der kin je op oan en ik wol myn tankberens
graech toane, troch jou sin to dwaen safolle as ik
-ocr page 12-
10
kin. Mar for jou help freechje jou ek sa\'n priis, dat
min jin der earst wol ris oer bitinke moat. Myn frou
en ik hawwe great tweintig jier skript en bod de om
de foetten onder \'t liif to halden mei üs greate hüs-
halding en wij hawwe altyd iens fen sin en wille
west. Moarns ier en jouns let wiemen wij er bij ,
en we hawwe üs net to bikleien dat wij üs jild for-
gaste en tordien hawwe; mar al to heeche hieren
hawwe ïis efterüt brocht, üs jild gong nei de lan-
heare, it jild der wij sa for arbeide hawwe, en de
ienigste tank dy wy er for üntfongen, wier in swart
gesicht en \'t easkjen fen rinte for eltse goune, dy
wy net op tiid bitellen. Derom wier jou help üs tige
wolkom, mar nou freechje jou der rnear for, as wij
dwaen kinne. Sjouke en Dyntje learden elkoar as
bern kinnen, groeiden meienoar op en hawwe elkoar
boartsjende wei ljeaf krige. \'t Scoe üs swier falie,
dy beide herten fenien to skürren, dy ban to brek-
ken, dy al sa frst smeid is. Mar.... hja is mei üs
omstandigheden alhiel bikind en scil hjar foar üs opof-
ferje, as wij hjar derfen net tobek halde. Sa \'n edel
sin sit yn hjar. Mar siker, jimme scoenen togearre
dochs gjin lok en wille hawwe. It lok is net mei
goud to keapjen, en oanelkoar to binen, hwet net
bijenoar heart, bringt de greatste ellende yn \'e wrald.
Wobbe:
Hwet jou der sizze, scil licht allegearre wol hout
snye, dochs troch earmoed witte je net hwet genot
as"it bisit fen \'t goed jowt. Sa giet it de frouljue ek,
as se pronkje kinne en i\'itgean, sa faek as hja wolle,
dan forjitte hja gau hwet se troch hjar trouwen
misse moasten. Sa scill it ek wol mei jou dochter
gean.
Klaversma:
Dat scil jou wol hwet öffalle, scoe \'k tinke. Hwet
jou miene dat hja genot yn fine scoe, hat hja nea
kinnen leard, dat wardearet hja net en der fynt
hja gjin genot yn. Hja scil hjar it best yn ienfaldig-
heid en yn in stille hushaiding thüs fine. En jou
halde noch al fen loftigheid en roerigheid; siker, yn.
-ocr page 13-
14
jbu eigen best siz ik yette ris: forbyn dy foarwaerde
not oan de help, dy jou üs forliene wolle. Ik scü
hjar sels lykwol de "kar litte, mar bitanket hja er
foar, dan wol ik hjar net twinge.
Wobbe:
Nou, ik haw der net folie noed mei, hja scil it
wol oannimme. Sa \'n han as mines wirdt hjar alle
dagen net oanbean. In pear eigen boereplealsen, \'n
moai hüs en moai hüsried, in span moaie hyndsers
mei in pear moaie weinen for pleisierriden , — nou,
sjea der! dat is gjin smeldoek, scoe \'k sizze. Seoe
hja Sjouke ljeafer hawwe, mei wa hja altyd wrotte
en wraeme moatte scoe, om oan de kost to kom-
men ? It scoe to dom fen hjar wèze.
Klaversma:
Dat jou fen de ynerlike forhalding fen man en
wiif gjin bepryp hawwe; dat je het lok, datdewiere
ljeafde jaen kin, nea fielden, leau ik graech en vet
to mear, nou ik fornim, dat jou de frou biskógje
as in soarte fen keapwaer. Dy \'t mearste biede kin,
krijt it oannimmelikste wezen for syn jild, lykje jou
to mienen. Doch iingelokkig hja, dy hjar keapje lit
en ek üngelokkig mei al syn jild, hij dy dat ta sok
keapjen brükt. \'t Giet mij kald troch de lea, as ik er
oan tink dat myn bern ek as sa \'n keapwaer brükt
wirde scoe.
Wobbe:
Jimme hoeve hjar net to twingen, jimme binne
sels baes, dochs wird ik öfwiisd, dan giet it troch
hwet ik sein haw. Wij hoeve elkoar it bloed net
waerm to meitsjen, jou witte ho je kinne, handelje
dernei nei eigen goedfinen.
Klaversma:
Freechje jou it jild op , dat boerkerij en hüshalding
yn stan haldt, al is \'t ek mei moeite, dan kin ik
fen in oar net wer holpen wirde, in moat ik óf-
brekke. Myn wiif en ik binne to ald om mei ar*
-ocr page 14-
42
beidsjen de kost to fortsjinjen , en dat seoe dan dochs
rnoatte. Hawwe wij derfor libbe en üs best dien,
dan wier \'t better, dat wij nea berne west hienen.
Libbet min dan allinne om yn earmoed en soargen
op to gean ? \'t Liket by in bulte minsken sa te we-
zen. Och , biük in bytsje meilijen en forst ai). As wij
al ris wégeren , lit üs dan yet in bytsje tiid, om ris
roun to sjen, as wij ek oars holpen wirde kinne.
Wobbe:
Jimme hawwe lang wol witten ho \'t stie ; hie er
dan mar earder yn forsjoen. Mar lit üs er mar net
mear oer prate. Ik kom yn \'t koart werom om it ant-
wud te heljen , en wolle jou mij dat bringe, dat is
ek goed. Jou hawwe mij fen \'e moarn al wudden
genöch sein. Hie \'k mannichien foar hawn, dan hie
\'k se mij sa net sizze litten en for goed opnommen.
Mar ik wol it jou mar net kwea nirnme, en hoopje
dat je dochter wiis gennch wêze scil, om hjar eigen-
en jimme best to kiezen.
Praet er ris mei hjar oer, ik moat foart. Moarn, Kla-
versma!
Klaversma (yn gedachten):
Moarn.
Wobbe (komt wer yn):
O ja, ik scoe noch in noadich boadskip forgetten
hawwe. As Dyntje myn foarstel oannimt, dan wol
ik natürlyk ek houlyksche foarwaerden meitsje. Min
wol jins goed bij \'t forstjerren, as \'t kin, net yn
freamde hannen hawwe. Ik siz dit er efientjes bij ,
howol jimme it oars ek wol bigrype koene (óf).
Klaversma:
Dat ek noch. Och, it komt ek op in bytsje net oan.
Sa \'n skoansoan to krijen, \'t is om er grutsk op
to wezen. (Hij sködhollet.) Jins gelove oan deugd
en minske-adel wirdt op sa\'n wise al wer net stipe.
Hwet kin it jild, dy öfgod, in minske al lier fensyn
bistemming ófbringè. Hwet kin de metalen mammon ,
-ocr page 15-
13
it goede sied, dat elts minskehert bifettet, al for-
stikje, en hwet koe \'t for allegearre in segen wêze.
Hwet koenen wij hjir meienoar de wide wrald
ta in himmel meitsje en hja meitsje er in hel fen.
Wij moatte it mar nimme sa it is ; — tüsen su min
as ien kinne er hwet oan foroarje, mar sa kin en
scil it altyd net bljüwe. Der komme Grytsje en Dyntsje
oan, — krekt fen pas. Mar \'k doar hjarren hast net
mei de saek op \'e hichte to helpen.
Klaversma, Grytsje, Dyntsje:
G r y t s j e, tsjin Klaversma :
Hat Wobbe hjir west? Hwet hie dy yn akte?
Dyntsje:
Ja heit, hwet hat er sein?
Klaversma:
Wel, hij sloech wer op it selde oanbyld. Dyn
moat syn wiif wirde of wij moatte \'t jild stoarte.
Ik haw him it ien en oar al witte litten, mar for
oerreedsjen is hij net fetber, en binnen koart moat
hij de ütslach witte, sa \'t hij sei. Hwet wij scille,
wit ik sels net. As ik dij oansjoch, Dyn, dan is\'t
krekt as mij alles draeit. Ho scille wij , hwet moatte
wij dwaen ?
Grytsje:
Hat notaris Pakyn al werom skrjeaun oer dy 2000
goune ?
Klaversma:
Ja, justerjoun haw \'k de brief krige. Hij kin gjin
tatiding jaen, skrjüwt er; \'t spyt him tige. Dat is
goed en wol, mar dat jout ós neat. Och, dy Ij ue ,
moast tinke , giet it sa: earst wolle hja jin tige graech
helpe, sa \'t niet, om jin nei in koart skoftsje tiid
it fel safolle to better oer de nekke helje to kinnen.
It forkeapjen fen jins reau en bislach jowt hjarren
dan ek noch in stürke extra. Nou hij fts mar for
sa\'n koarte tiid liene woe, wier \'t better west dat
-ocr page 16-
14
wij oars omsjoen hienen. Mar \'t is al wer net oars.
Us omke skrjüwt mij, dat hij \'t onmoochlijk skikke
kin. Dos fen beide siden ofwiisd.
Gry tsje:
De boerkerij sa folie ynkoarte kin ek net, hé P
Klaversma:
Dat kinst\' ommers wol bigripe, hwer scoe dat hinne ?
Wol hea yn de skürre, dat we net forkeapje moch-
ten, en gjin fé op stal en dos ek gjin gemaek ? Ho
it moat, ik wit it net!
D yntsj e :
Dat scil ik heit wol sizze. Ik haw myn bislüt
nomd. \'t Is better dat ien it minder nei \'t sin
krijt, dan dat heit en mem en allegearre earmoed
lije scille. Alles hawwe jimme for mij dien , en scoe
ik dan neat ontbeare kinne, scoe ik net tankber
wêze, for \'t jingo ik ien jimme genoat? \'t Scil
mei Wobbe trouwe en myn best dwaen, om \'t mei
him to skikken. (Hja sjocht foar hjar del.)
G ry tsj e:
Mar wat scil Sjouke dan 1
D y n t s j e, (kriget hjar bij de hdri):
Och, mem, neam dy namme nou net. (Skriemende:)
Nou net!
G r y t s j e :
Ja fanke, mar it scil er dan dochs ta komme moatte,
dat stou it him sizze moatste.
D y n t s j e :
Och mem, praet der nou net mear oer: lit dat mar
allinne oan mij oer; \'t is for mij ek net maklyk om
it him to sizzen, mar it moat. Ik haw myn bislüt
nomd en \'t moat daedlyk mar wêze. Ik wol myn
hun net forsizze, foar hij wit, dat ik sines net oan-
nimme kin. Hij komt hjir strak, lit mij dan mar
mei him allinne.
-ocr page 17-
15
Klaversma \'Jcriget Dyntsje bij
de hdn, mei trien-
nen yn de eagen):
Dat dyn hert sa goed is, wist ik wol, mar der
meie wij gjin misbrük fen meitsje. Né, dan ljeaver
it baeitsje üt en arbeidsje sa lang as \'t kin.
Dyntsje:
Dat kin heit wol sizze, mar dat wirdt neat, en
Wobbe scil syn wud halde, tink der mar oan. En
as we dan ienkear yn earmoed sitte, dan is \'t to
let, dan is er gjin helpen mear oan.
G r y t s j e :
Licht fait it wol wat mei. Kriget Wobbe in goed
wiif, dan kin hij de drank ek wol ris stean litte, en
him hwet mear thi\'is helde. Dou krigegst dan ek yn
alles fol op, en dat forgoedet in bulte fortriet. Hwet
forkeard liket, fait ek wol ris hwet mei. Min sjocht
ommers wol, dat inkele ljue, dy om \'t jild trouden,
dochs wol lokkig meienoar binne!
Klaversma:
Ja! sa \'t for de wrald liket; mar hwet triennen er
skriemt wirde yn de iensimheid sjocht min net.
Gr y t s j e:
Dat scil sa wol wêze. Mar min sjocht ek wol ris
dat nei it trouwen de balstjürigens er hwet öfgiet,
en de wille mear yn \'t husgesin socht wirdt.
Klaversma:
It mei in inkel gefal wêze, mar net folie. Alteast
it derop te weachjen, derfor is de stap to great.
En licht wol er üs nou wol helpe en as jimme
troud binno, der dochs for passé en as de règ takeare.
Sadwaende koenen wij alles forliese en dij yn
\'t lijen bringe en dat scoe akelig wêze.
G r y t s j e :
Jou hawwe \'t slimste ek altyd foar.
-ocr page 18-
46
D y n t s j e :
It kin wol hwet mei falie, heit! Moochlyk lit hij
him wol wat liede, as wij troud binne.
Klaversma:
En dan sa\'n feint as Sjouke, dy elts hjir graech
lije mei, der elts achting foar hat en der stou sa\'n
bulte fen haldste , Dyn! Dy foar de holle to stjitten,
him syn libbenswille lo binimmen, dat bitsjut noch
al hwet. Mearstentiids giet min to licht oer sokke
dingen hinne, en min birekkent de gefolgen er net
fen. Hij had ek alders en wy witte wol hwet hij foar
hjarren is. As sa \'n fint ik mar ótstean kin, dat stou
him bitankeste. As hij ris siik of sljucht er fen waerd
— hwet scoenen er dan in üngelokkigen wêze. Ik
mei er net oan tinke.
G r y t s j e :
Moat it sa dalik wóze? Ik die er noch mar in
pear dagen tiid mei, min kin net ris witte hwer noch
ütkomst weikomt. Ik scoe noch mar hwet tiid dwaen.
D y?n t s j e :
Dat kin mem wol hoapje, mar hwer scil help wei-
komme ? Hwet gauer dy ban dan forbritsen is,
hwet better. Ik bin dan to minsten tsjin Wobbe
net ünearlik. (Bislist:) Wij prate \'r net mear oer.
L y s, (ropt oan de doar :)
Ek wat ut de bölkoer?
G r y t s j e, (ropt nei de doar :)
\'k Scil daedlyk wol bij jou komme, Lyske. Liz
mar for in dübelstje swinemagen en in" stoterske
bolle op \'e lufel , ik scil jild helje. (óf:)
Klaversma:
Scille wij earst kofjedrinke, dan gean ik nei \'t
lan. (Klaversma en Dyntsje of:)
-ocr page 19-
17
L y s, (komt op, mei it bistelde
goed yn
\'e hannen en leit
dit op \'e tafel del; hja
hat it jok oer it skouder.
Hja seit
:)
Hwet sjocht de frou forheard, scoe er hwet foar-
fallen wêze ?
G r y t s j e, (opkommende:)
Ho folie is \'t ?
L y s, (mei flaeiende stimme:)
Fyftoheal stür. Hwet is \'t fiks goed tsjinwirdig,
net?
G r y t s j e, (jowt it jild oer :)
Ja, Pibe syn goed is tige moai, it hat wol ris
minder west.
L y s, (docht it jild yn \'e pong :)
Hawwe je \'t al heard ? Timmelske hjar moaie
Gretske is juster ek \'e kream komt fen in grouwe
t\'onge. Och ! och! hwet wier mij dat in boel. Neat
ïast yn \'e hüs, gjin klaeiing om it lytse stumper
oan to tsjen ! it wier allegjearre lyen. Min scoe sizze
hwer blji\'iwt it dochs. Hjar man hat dochs de hiele
simmer wirk hawn, en hja hawwe hwet winterturf
krige, en de Winter is er noch net of alles is op en
wei. Né! dan moat ik kloeker hüshalde, en dan
alles sels fortsjinje !
G r y t s j e :
Krije jou gjin ünderhald, Lys?
L y s:
Ünderhald eigentlyk net. Wol jouwe de faldeh
mij in frij hüs en winters wyks in heal brea en for
in pear kwartsjes winkelwaren, en hjerstmis hwet
turf en in pear koer fol ierdapels, mar dat kin min
eigentlyk gjin ünderhald neame, tinkt mij. Ik siz
altyd mar: dy syn best docht, der scil de Heare wol
for soargje.
-ocr page 20-
48
G ry tsj e:
Tink jou er sa oer? Al kryje jou gjin ünderhald , sa
jou sizze, it liket er dan dochs wol hwet op, tinkt
mij. Ik scoe sizze: as jou sels net fortsjinje, dan
hawwe je neat, sa giet it folie. Dy op de Heare
wachtsje scil, kin mar op de neilen bite, it manna
reint net mear üt de loft.
Lys:
Foi, frou, sa \'n idele tael; sa \'n miskenning fen
de Heare. (Hja scil foartgean.) Boer Wobbe hat
justerjoun de bok ek wer oan \'t touw hawn, hearde
ik fen \'e moarn. \'k Haw it net sjoen, hwent dan
hie ik bim ünder it each brocht, ho \'n sündige wei
hy biwandelt. \'t is oars sa \'n slimme fint net. Ik
krij wol gou ris hwet fen him, as er in bist fen
him steart b.v., of as er slachtet. Koartlyn seinen
hja ek, dat hy syn hüshaldster net gewirde litte
kin. Nou, hwet derfen oan is, wit ik net, mar hij
is er wol hwet grien mei, dat haw \'k ek wol ris
opmurken.
Gry tsj e:
Dat hie \'k oars nea fen him heart.
;                                   Lys:
Net minske ? Och, jou komme ek net sa folie op
\'e lappen, en dan heart min alle niis net, oars ?
Hij siket oars ek om in wiif, seit min. Hjafortelden
mij ek al, dat hij sloech syn eagen ek op jou doch-
ter , mar dat woe \'k net leauwe! Dyntsje is to goed
for him, dy komt better man ta, as hy ien is. Nou,
as hy syn gelikens krijt, dan kin hij noch wol earm,
al mient er, dat it net op kin. As syn pake, alde
Grealtom de eagen ris iepen die, dan scoe er him
raer bisouwe, tink ik. Hwent dy gong earst al op
in dübeltsje stean , foar hij ien üljoech.
G r y t.s j e:
Dan is \'t ek al wer goed, dat Grealtom syn eagen
-ocr page 21-
19
sletten binne, dan is dy to minsten for in bulte lést
biwarre bljeaun.
L y s:
En hawwe jou it al hjeard, dat Haeije Turfmot
wol op \'e flesse gean scil 1 Syn boeltsje scoe fen de
wike opski\'jeauwn wirde, seinen se. Nou, dan scil
Jetske-lea ek opsitten leare, en de klüntsjepot kin
ek wol ris leech reitsje. Wyks twa poun kin se grif
hawwe en hwet in swiete-kou as der yn \'e hushal-
ding troch giet, it is bar! Klaes Boukes moat 1000
goune hawwe, seit min. Ja, ja, as \'t sa giet, dan
kin \'t gjin touwen hulde. Mar ik moat foart. Ik for-
praet myn tiid alhiel-en-al. Der mei \'k oars net oer,
in hopen bólrinsters, lyk as süre Baeie ek, dy kinne
hiele skoften bij de doarren stean to rabjen fen in
oar. Mij tinkt der moatto de minsken it land wol
oan hawwe. Nou, moarn frou ! (Of.)
M a e i (komt op):
F rouw, wij scoenen koflïjdrinke!
Gr y tsj e :
Goed. ik kom! Maei, wost dou dat goed risynde
de tromp lizze 1
Maei:
Jawol, boerinne ! (Grytsje óf.)
Maei (allinne) :
\'k Leau dat hjir hwet oan \'t handsje is. Dyn mei
de han oan de holle oan \'t skriemen en de boer
sjen as in sure appel yn de yettik. Hwet dat dochs
wêze mei 1 scoe Wobbe noch altyd om Dyn stikje ?
Hea, der komt Sjouke oan, hwet scoe dy yn \'t fet
hawwe ?
Sjouke (komt op):
Dag Maei! \'k Haw biskie krige fen Dyn om
efkes to kommen. lïja hie in noadich boadskip oan
mij ; en nou bin \'k ïbrlangjend to witten hwet dat
-ocr page 22-
20
wêze mei, dat ik bin hjir dalyk mar hinne roun.
Hwer is se ?
M a e i, (yn \'t ófgean. Hja nimt de bolle mei) :
\'k Scil hjar wol sizze dat jou hjir binne, hja is
yn \'e keamer. (Of.)
(Koart hjirnei komt Dyntsje op. Hja sjocht biteu-
tere, min kin sjen, dat hja skriemt hat.)
Dyntsje:
\'k Hie jou oankommen sjoen, Sjouke!
S j o uk e :
Heare Dyn, hwef sjochste taei; bist\' net soun ?
Hwet skilt er oan?
Dyntsje:
\'k Bin wol soun, mar hwet er oan miskearret scil
ik dy sizze, moochlyk lakest dan strak ek net blier.
Sjouke (forheard) :
Hwet is er dan toch, Dyn?
Dyntsje (leit Mm de hdn op \'e skouder):
\'k Haw altyd san bulte fen dy halden. Hwet
hawwe wij faek noflike eagenblikken meienoar sli-
ten, hwet hawwe wij faek han oan han dy bliere
takomst tomjitte sjoen, hwennear wij altyd byelkoar
wêze scoenen, en gjin unk en leed üs bynei korame
scoe. Hwet hawwe wij altyd foar elkoar alles west,
en nea tocht ik dat dy bliere sinne foar üs ünder-
gean scoe. Sjouke ! hwet hawwe wij hjir faek mient,
dat we de himmel op ierde hienen ; en .... en ...
der is nou ien twisken beiden komd, ien dy dy
sinne fortsjustert for altyd.
Sjouke:
Sa freamd haw ik dy nea oantroffen ! Ho scoe er
immen wêze kinne, dy üs lok forniele wol? Wij
libje ommers net ien yn \'e wei, of ta lest ? Net
ien hat hwet mei üs noadich, scoe \'k sizze.
-ocr page 23-
21
Dynt s j e :
Dat moast ek sa net wêze! Mar ik siz it dy, it
is sa al. Al lang hie \'k soarg, dat it er ienkear ta
komme scoe, dat in oar oansiik om mij bij myn
alden dwaen scoe, ja, dat er myn alden twingescoe,
om mij ta syn wiif to krijen. Mij sels to freechjen
doarst er net earder bistean, en nou noch net iens,
mar nou hat er myn heit en mem troch jildlienen
yn \'e macht en bigjint nou to twingen.
S j ouk e:
Nou begryp ik er neat mear fen. Wost mij hwet
wiis meitsje ?
D y n t s j e :
O né! Jou witte like goed as ik, dat de jild-
divel tsjinwirdig eltsenien yn syn klouwen nimt en
dy er to pakken hat sünder meilijen formoardet,
dat neat for him heilig of feilig is, al moat er ek
de Ijeafste bannen brekke, al kronkelje de offers ek
foar syn foeten, smeekjende om genade, hij lit syn
iseren fust falie op alles hwet hij yn syn macht hat.
Jou witte like goed as ik, dat Wobbe, — hwent
dy is hjir dy divel — heit en mem ungelokkig meitsje
kin, en dat dwaen scil, — sa gou moochlyk, as ...
as .... ik .... syn wiif net wirde wol.
S j o u k e (forbüke):
Dou syn wiif wirde ? Dat is net moochlyk. Dy
süplap, dy syn tsjinstfammen de hunnen net fen \'e
hüd halde kin, dy de gemienens tade eagen ütsjocht,
scoe dyn man wirde? Om dy to fortraepjen, ja op
\'t lést to formoardsjen ? Né, dat nea! Der scil
ik foar opkomme ! Der haw \'k mien libben for oer.
D y nt s j e:
Dat stou it goed mei mij mienste, en graech al-
tyd for mij soargje scoeste, dat wit ik. Mar wa
soarget for heit en mem, for myn broers en sisters,
as Wobbe alles forkeapje lit? Wij scoenen \'t net
dwaen kinne, Sjouke, al ho graech wij it woenen.
-ocr page 24-
22
En hj arren earmoed lyen to sjen , scoe \'k net ütstean
kinne, dan wier \'t libben mij ek bidoarn.
S j o u k e :
Mar binn\' dyn alden dan net wizer ? Wolle hja hjar
eigen bern forkeapje, om hj arren sels to redden?
Hawwe hja dy derfor great brocht\'? Nea haw \'k
hjarren derfor oansjoen. (Dyntsje krijt de büsdoek
en docht dy foar de eagen.)
It dier biskermt syn
jongen, as er gefaer sjocht, scoenen hja dan minder
wêze 1 Achting for Wobbe hawwe, lit stean him
ljeafhawwe, kinst immesnea? Scoenen hja dy stjerre
litte wolle fen fortriet? Sa \'n bistean hie \'k yn
hjarren net socht.
Dyntsje:
Hald op Sjouke! hald op ! Forwinskje myn alden
net, dan kin ik dy net mear. Need brekt wetten.
It scil my net maklyk talie, hjar tastimming to
krijen, mar myn bisltit stiet fêst. Ik woe \'t dy earst
sizze, foar dat ik it oaren meidiel.
Sjouke: (tige oerstjür, kriget
hjar bij de hdn beet!)
Scil ik dan it lok net hawwe, dy to trouwen, dan
hij ek net. Haw ik derfor trije jier lang hoope,
winske en arbeide bij dei en bij nacht, en fortrouwd
dat ik myn skat fortsjinne hie, om myn lok to fol-
meitsjen ? Moat dat allegearre dan fornietige wirde ?
(Hij Ut hjar hdn los.) Kin mei it jild dan alles koft
wirde ? Moat hij, dy dat net hat, de earme, syn
ljeafde sels offerje oan dy greate moloch ? Untsjucht
hij niks, sels net datjinge hwet de earme bodder
syn libbenspaed mei in inkel roaske bistruie kin ?
(Hij slacht de hdn oan \'e holle.) O God, dy rjucht-
ieardig hjit ta to sjen, is dat allegearre yn jou wiis
bistjür bisteanber ? Is it dan net better, dat in minske
de ierde fen sa \'n monster ófhelpt, yn pleats fen
noch mear fornietigje to litten ?
D y n t s j e (fait him om \'e hals :)
O stil, Sjouke, sa net! sa net! ik wird er kald
-ocr page 25-
23
fen. Och, misskien kinne wij Wobbo noch fen syn
plan torêch bringe.
S j ouk e:
Misskien? O, ik kin him to goed, der is gjin
hoap mear op. \'k Wol safolle arbeidsje, as ik kin,
om ek yn it ünderhald fen dyn alden forsjen to kin-
nen. Is de dei net lang genóch, dan de heale nacht
er bij, ik wol alles, alles dwaen, as ik dij mar
hawwe mei, Dyn !
Dy nts j e:
Der scoc \'t wis net oan mekearje, mar wij witte
beide al to goed, dat in goede wil, yn üs maet-
skippij net baet.
Né, Sjouke! dat kinne wij wol sizze, mar dat kin
net. De lésten binne to swier en de fortsjinsten to
lyts.
Sjouke:
En scoe er oars ek gjin kans op wêze om holpen
te wirden 1 Dyn heit en mem steane as earlike,
warbere minsken bikind.
D y n t s j e :
Né, er is gjin ütkomst op in oare manier. Us
folk binne hjar rie to \'n ein. Hja witte net mear
ho it moat. It ienigste, dat üs noch to dwaen stiet
is him to bidden en to smeken, dat er fen syn plan
öfsjen wol, — dat er it lok fen twa pear minsken
net oan syn sinnen opoirerje wol; — dat wij aller.....
Sjouke, (oerstjur en lilk.)
Hald op! Hald op! Ik him bidde,ik himsmeke,
knibbelje foar him om in gunst, dy my ta komt?
Ik, dy niks to freechjen, niks to bidden haw
fen immen dy mij allen untnimme wol, hwet mij
ljeaf in dierber is ? Dat fordom ik ! Hastou net
mear for mij oer, woste der alles net for trotsearje,
wolnou, nim him dan! Mar, dit siz ik yetteiïs:
scil ik dij mines net neame, dan hij ek net. Scil
-ocr page 26-
24
hy myn lok, myn alles forniele, dan scil hij er ek
fjin wille fen hawwe. (Hij wol foart, dochs Dynstje
rijt him bij de hdn. Hja skriemt lud.)
D y n t s j e :
Och Sjouke, sa net, sa net! Dou scilste gjin han-
nen oan him slaen ; dou scilst him net dea meitsje.
Tink om dyn heit en mem, tink om .... (Hja kin
net mear sizze, mar skriemt snikkerjend.)
Sjouke (skoert him los):
O, lit mij los, lit mij los ! Sjoch ik dy nea wer,
hij scil dy ek net hawwe. Ik him gewirde litte ?
Ja, lyk as min in tiger gewirde lit!
D y n t s j e :
O, Sjouke ! Sjouke ! (Hja fait fen hjar sels.)
IT GEDYN FALT.
OARDE BIDRJUW.
It toaniel is de middel keamer bij Klaversma.
(Moei stoffet de stoellen en tafel óf en set dy to-
rjuchte. Wiles sjongt hja it fers: J>Op, friesen op!
der fait for \'t rjucht to stridenn
, enz. Klaes komt
yn en jowt hjar
, bij \'t ein fen \'t fers, in tiitsje op it
wang.)
M a e i, (sjocht brimstich:)
Schamje dy hwet! Ik wird er kei fen; hwet dochst\'
hjir?
Klaes;
Dat hast\' wol fornommen, tocht ik.
Maei:
As \'t oars net is, dan is \'t net folie to bitsjutten ;
gean dan mar ljeaver wer nei hus.
-ocr page 27-
25
KI aes:
Dou hest\' fêst net in best sin op \'e bruiloft; s&\'n
sur gesicht komt er net bij to pas.
M a e i:
Der kinno hjocd wol ris rnear süre gesicliten set
wirde. Mar siz : hwet dochste hjir?
K 1 a e s :
As \'t mij ris blier oan lakeste, dan seil \'k it dij
sizze, en oars kinst\' er mar nei riede, dan siz ik it
it net.
M a e i:
\'t Kin mij ek neat skille, hald it mar for dij sels,
ik seil \'t oars wol to witten komme.
K 1 a e s, (strykt hjar om \'t kin.)
\'k Scoe jimme feinten hjoed hwet helpe to ut- en
ynspannen, mei de trouwerij , en de boer wist ek
wol, dat ik wol ris bij dij wêze woe ; mar der kin
neat fen komme, ljeau \'k. Kom, fleurje mar hwet
op, en sjoch mij ris blier oan. Of treurstou ek al,
as hja dy gjin hope hawwe op de takomst? Snein-
tojoun wierst\' oars wol brüksum.
M aei, (glimket:)
Och, rin hinne !
K 1 aes:
Ja, mar net der \'k fen dinne bin, hwent dan wier
\'k fier fen dij óf. Kom, jou mij op betterskip in
lytske, dan gean \'k nei de manljue ta.
Maei:
Ik seil dij tankje, bij ljocht-skyn dei; elts ken \'t
sjen.
K laes:
Nou, dan stel ik ien. (Hij pakt hjar beet enjowt
hjar in ttitsje.)
-ocr page 28-
26
Maei:
Bist\' nou tofréden? Wel, ho hawwe dij de barn-
dewyn mei resynen fen dizze wike smakke ?
K 1 a e s :
Dat kinst\' tinke! mar mij sa goed net as de boer,
hwent dy iet him er sêd oan, en do stapte hij as
in healwoeksen hoanne, dy foar \'t earst piken
sjocht.
Maei:
Soa, hat er al wer tofolle hawn 1 Och! hwet giet
Dyn al in lot tomjitte. It griist mij tige oan, mar
«eigen sin en wille, kin in bulte tille«, seit it
sprekwud en sa giet it hjir ek. Mar ik woe him net
hawwe al fleach er mij nei.
K 1 a e s :
Dou hast mij ljeaver, nou ? Hij is in nüvere
khïtskopper; ik haw \'t goed bij him, en sjeader !
ik lit roaske soargje. Wist\' wol dat Sjouke hjoed
nei de Oast giet; hij hat teikene for seis jier;
juster seach ik him mei de skiere oerjas oan; hwet
is dat in griis for syn alden. Hj arren ienigste soan !
Hwet is dy fint ek yn in bytsje tiid foroare! Oars
sa\'n reafallige, knappe fint, en nou sa wyt en sa
meager as in latte. Scoe er louter om Dyntje foart
gean scille ?
Maei:
Ja, dat wirdt er sein. Nou, as ik Dyn west hie,
dan hie \'k Sjouke gans ljeaver hawn, as dyn boer.
Mar min kin alles net krije, hwet min wol hawwe
wol.
Kla e s:
Né, hwent oars woe stou ek dalik wol trouwe,
tink ik.
Maei, (glimket:)
Der koe stou wol ris mei bidragen wirde, feintsje!
Mar as stou de manljue helpe moaste, dan scoe \'k
-ocr page 29-
27
dat ek mar ris dwaen. Mij hoefste net ta it wirk
to helpen, en dou forletste mij mar. Wij hawwe \'k
ten \'e moarn tige drok, dos ruk mar ut. (Hja trjüwt
him foart.)
K 1 a e s :
Jow mij noch ien ta ofscied. (Hij wol hjar de
hannen om de hals slaen.)
M a e i, (wart him of:)
Dou kinst\' er nou wol mei ta, en joun scilst\' ek
wol ris ien hawwe wolle. (Hja glimket:)
K laes:
Nou, hawar dan ! Dan scil \'k mar wachtsje. (Of.)
Maei (bigjint wer to stof jen:) \'
Dat scille we hjoed treiïe , hjer! Klaes er ek bij ,
dat hie \'k net tocht. Ik moat mar gau mei myn
wirk foartfarre, oars krij ik net bij de tiid dien.
(Hja sjocht it finster tlt.) Hea! der komt fine Lys
mei hjar bölle-koer krekt oan; hwet wer in forlet,
hwent dy alde tutte giet hast net wer foart.
Ik scil gau sjen fen hjar of to kommen.
Lys (komt mei in bölle-koer
yn de earm op en seit mei in flaeiende
stimme:)
Moarn Maeike! al drok yn de war for de feeste-
lykheit fen dizze dei? Ja! ja! it spul moat ek foar-
elkoar, en goed ek. Dyntje trouwt moochlyk mar
ienkear yn hjar libben; dat scoe men tominsten
hoopje, en dan moat alles yn de puntsjes wêze.
Maei:
Hja mocht wol wolle, dat dizze gau ütknypte,
dan koe hja moochlyk noch ris better partij dwaen.
\'t Mei wêze ho \'t wol, mar dizze selde Wobbe scoe
\'k net ljeafst hawwe wolle.
Ly s , (skodhollet:)
Maeike! Maeike! hwet in sundige tael: him dea
-ocr page 30-
28
to winskjen ; jou koenen er wol ris for straft wirde.
Hij is lang sa min net as jou miene, it is in goede,
wolraienende man en de »waarheid" ek wol tagedien.
O, hy hat syn lek en brek, mar wa hat dat net?
\'t Komt fen de sonde, fen de fal fen Adamswege, en
der kinne wij niks oandwaen, as wij de «genade"
net deelachtig wirde.
Maei:
Hja meije him wol genadig wêze, hwent oarsscoe
\'k bang wêze, dat hij in raer gat yngiet.
Lys:
Jonge, jonge, so\'k spotten en lasterjen. it giet mij
kald oer de lea; it scil jou ienkear tarekkene wirde.
Sa\'n Irjeunlike man, de goedens sjocht him ta de
eagen ut, en hwet is er op oprjucht, hwet giet er
frjeunskippelyk mei jin om!
Maei (laitsjende):
Ja, dat wol ik omtrint wol ljeauwe, der haw \'k wol
ris praet fen heard ; mar Lyske, scoe er yn dat op-
sicht soms net al to frjeunskippelyk wêze 1 Oege Syts
hie er lésten ek al ris lést fen hawn en dat is de
moaiste oars net ut it gea. As hij der ek al «frjeun-
skippelik" mei wirdt, dan wit ik er alles fen.
Lys (lilk):
Hawwe je nea net ris lezen fen de hel en fen de
fordoemenis, fen it forbljuw fen de goddeloazen ?
t>Daar zal weeninge zijn ende knersinge der tanden", seit
de skrift en mij tocht der scoenen je wol ris hwet
om tinke meije. It is net sa best, as dat ienkear
oer jou bisletten is, e» dat kin sa fier wol komme,
as \'t sa al net is.
Maei (glimkjende):
Dat is for myn rekkening; \'t scil ek wol spanne ,
dat joues slüt; en dan hawwe wij elkoar niks to
forwiten. Mar hawwe jou it goed dat je üs bringe
scoene, yn dy koer ? Dan scil ik dat efkes bergje
-ocr page 31-
29
gean mar hwet sitten. (Hja set in stoel bij de tafel
del),
\'k Scil \'t effen tsjin de frou sizze, dat jou hjir
binne.
Lys:
Dat kin oars neat skille, wij kinne nije wike wol
rekkenje; it scil hjar nou ek wol net best passé om
de drokte.
M a e i (nimt de koer) :
Der scille wol bruiloften fierd wirde der meer folk
bij noege wirdt, hwent as hja allegearre komme,
dan binne hja noch mar mei hjar tsienen. Wobbe
woe it heale gea forsiikje, mar us frou tanke er
for, \'t joech hjar fiersen tofolle drokte, sei se; mar
der sit eigentlyk de ein net lést. Hie Dyn Sjouke
krige, dan scoe er wol better feest fierd wêze.
Lys:
In minske wol syn ei^en best faek net witte. Dyntsje
kin mei gouens mar yn de ryksdaelders omrammelje,
dat scil hjar wol niiver oankomme. Mei Sjouke
hie \'t dochs oars neat wirden as lij en.
M aei:
As de boer trouwt is, scil er licht sa frjeunskip-
pelyk net mear tsjin jou wêze, Lyske ! dan hat er
in oanhald.
Lys:
Forhip dou! hwet tinkst\' wol 1 Dat ik great mei
de boer bin ? Der haw \'k myn goede namme to
leaf ta.
M a e i:
Frjeunlyk wêze of great meinenoar wêze , der is
noch al hwet ünderskied yn, Lyske! Dat witte jou
ek wol, nou ? Dat jou net great mei him binne,
och, dat ljeau \'k wol graech. Hij scil noch wol
hwet stnaek hawwe !
-ocr page 32-
30
Lys:
Ik bin dyn wize, smeulske praetjes beu, hjer!
Leechje de koer mar, dan gean ik wer foart.
Maei:
Dan scille wij dat mar dwaen, hwent ik wol graech
goe frjeun mei jou bljüwe. (Hja giet óf mei de koer.)
Lys {giet bij de tafel sitten,
Mikt it tafelslaed op en seit sünig) :
Scoe der ek ris hwet fen myn gading wêze 1 (Hja
nimt de skjirre yn \'e hannen.)
Min kin ek langer
neat fortelle, of dy smoarge faem sücht er hjar fenyn
wer tit. Hja wit er lykwol dochs neat fen. Ja,
Wobbe komt to mük wol ris bij mij. Hwet scoe
dat ? In earm minsk\' moat ek libje. Mar scoe dy
Harde der hwet fen óf witte kinne ?
Oan hjar praetsjes to hearren, scoe min er oan
twifelje! \'k Woe oars net ljeafst, dat hja it wist;
dat scoe troch de bürren tleane. (Hja sjocht om hjar
hinne en stekt de skjirre hird yn
\'e büsse, hwet
Maei
, dy krekt mei de koer yn de iene- en in kop
mei barndewyn mei resinen yn de oare hdn opkomt,
krekt sjocht.)
Maei:
Hjir is de leege koer wer, de frou hie \'t net oan
tiid om by jou te kommen. In leppelfol barndewyn
mei resinen scoe jou wol forkwikke kinne, tocht
hjar. (Hja jowt Lys de kop oer.) Nim er mar in
goede slok ut, it kin gjin kwea. De jonge ljue moat
ek ris bidronken wirde, \'oars rest er tominsten gjin
seine op, n\'t wier?
Lys (scil drinke):
Nou, ik winskje de jonge ljue mar folie lok mei
hjar foarnimmen. Jou scille hjarren dat wol oer-
bringe wolle, fortrouw ik!
Maei:
Ja, dat scil ik wol dwaen.
-ocr page 33-
34
Lys:
Hja binne lekker, hjer! min scoe jin der hastsiik
oan drinke en ite. Ik scil noch mar ris prjüwe.
Wolle jou ek net ris mei drinke? (Hja prjiïwtwer.)
Maei:
Né, ik haw er noch gjin sin oan, ik kin hjoed
wol genöch krije. Jou moatte jou net noegje litte.
\'t Wirdt jou for in miei oanrekkene.
Lys :
Hja smeitsje skoan. Yet ienkear, danmoatikmar
ophalde. (Hja prjüwt yette ris tige en giet dan op-
stean en kriget de koer.)
Moarn Maeike, wolle jou
for mij de frou bitankje, en moarn sizze ?
Maei:
Ja wol! (Wiles Lys foart Met:) Ik scil \'t net
yn \'t tafelslaed lizze, hjer! Dat biloaf ik jou. (Hja
ïaket. Lys skrillet en sjocht brimstich om, mar giet
foart.)
Maei, (allinne:)               "
As men so\'k folk fortrouwe scoe, dan rekke min
for goed yn \'e aep gelozjeerd. De frou bigunstigt
hjar tige, en ta tank derfor stelt hja üs skjirre.
Moai dat ik it krekt noch seag, en hja wit nou, leau
ik, ek dat ik it sjoen haw. Ik scil it hjar op \'t ge-
wisse trjüwe, der kin hja steat op meitsje. As hja
it dwaen kin, dan scil hja sa wiis wol wêze om to
soargjen dat de skjirre wer yn \'t laed komt. Mar
skea krijt hja er yn alle gefal fen. (Grytsje ropt bij
de doar
: s>wol Maei Dyntje efkes\'Ja hjar hier helpe
Maei öf. It toaniel is in amerij leech. Dernei
komt Wobbe op, yn \'t swart, mei de heeche hoed
op. Hij seit
:)
Nou scil ik dan gau as trouvvd man to boek komme
to stean, en in leaf, smuk, kreas wyfke krije, dat
ik hawwe woe. Myn oansteande skoanfüders hawwe
er wol tige tsjin ynlein, mar ik hie se yn \'e macht,
en hja woenen \'t op \'t lést wol leauwe; hja moas-
-ocr page 34-
32
ten yn \'e süre apel bite. (Hij glimket.) Klaversma,
myn oansteande skoanheit, kin nou dochs ris sjen,
dat as min jild hat, min dan ek in oartsen yn \'t
ponkje smite kin. Min kin wol mei greate wudden
pronkje, mar dy bitsjutte allegearre neat, as de ryks-
daelders rammelje; en dy er dan om forlegen is, is
wol to brüken. Jild makket de ljue sa njuet ashin-
nen op it lést.
Dyntsje naem ek de wiiste wei; hja koe ommes
gjin better party dwaen; oerfloed fen alles scil hjar
wol gau blier sjen en laitsjen leare.
\'k Scoe lykwol ljeafer sjoen hawwe, dat hja sa-
folle net fen dv Sjouke halden hie; mar hwet maelt
mij dat ek. (Laitsjende.) Hij giet hjoed nei de Oast,
der scille de Atchineezen, of de berri-berri-siikte him
wol gau to pakken hawwe; hja sjocht him dan nea
wer, en dan forjit it al gau. \'k Haw wol mear mei
frouljue omgong, \'k wit wol ho min hjar bêstpaeije
kin. As hja mar pronkje kinne, dan binne hja wol
to brüken................ Nou, \'t is ek like folie:
as hja de hoarnen yn de wal stekt, dan scil hja ün-
derfine, dat ik net sa mak bin. Baes bin ik en wol
ik bljüwe, al scil de ünderste stien ek boppe.
J o c h e m, (mei in pak op \'e
rêg
, komt op.)
Moarn boer! Ik wier oan dizze kant mei \'t pak,
en nou tocht ik: as \'k de boer hjoed net filesetear,
dan koe hij mij dat ris kwea nimme. (Hij kmjt
Wobbe bij de hdn.)
Fen herte winskje ik jou dos
lok mei jou foarnimmen, en ik hoapje dat je ünder
\'s Hearen segen folie wille yn jou houlik smeitsje
meije. Jou oansteande sjoch ik net, jou wolle \'t wol
tsjin hjar sizze, tocht ik ?
Wobbe:
Tanke wol, Jochem! Ja, dat hoopje wij. Dyntje
is oan \'t klaeien , ik wie hwet gau ldear, hwent as
er soks hwet op til is, bin \'k hwet hjit gebakerd.
Kom, jou moatte ek in slok hawwe, hwent oars
rest er to minsten gjin segen op. Doch it pak mar fen
-ocr page 35-
33
de rêg. (Hij ropt twisken de skerms:) Wol Maeikn
hjir de kop mei barndewyn mei resinen bringe, goed
fol?
Jochem, (docht it pak fende
rêg.)
Ja, in slok heart er b\\j; net dat ik der sa\'n great
ljeafhabber fen bin, mar ik wol de boei wol graech
eai*e oan dwaen.
Maei, (bringt it bestelde en
giet hwer foart. Wobbe
prjüwt earst en jowt
dan in greate wite kop,
mei in leppel er yn,
oan Jochem.)
Wobbe:
Jo moatte jou er mar goed fen bitsjinje, as se jou
smeitsje.
Jochem, (prjüwt:)
Nou, dat scil wol gean, tinkt mij. (As erpreaun
hat:) Hja binne lekker , hear! as de jonge frou se
klear makke hat en alles der neffens is, dan scil it
wol goed komme, tinkt mij. (Hij prjüwt al wer.)
Wobbe:
To ! jou moatte better oanpakke, ien leppelfol helpt
sa\'n greate kearel as jou neat, jou moatte twa nimme.
Jochem, (drinkt mar oan en nimt
twa leppels fol:)
Ik wit, jou gunne it mij wol, mar op de noch-
teren mage kin min net folie forneare.
Wobbe:
Sok goed kin gjin kwea, jou krije se fen üs trouw-
feest net wer, dit is de leste kear.
Jochem, (drinkt troch:)
Dat scoe min tominsten mar hoopje, lenkear,
as \'t goed biteard, is faek genóch, en mij tinkt jou
krije in wyfke albiel nei \'t sin.
-ocr page 36-
34
Wobbe:
Dat hawwe jou goed, Jochem, dat krij ik, en it
docht mij goed, dat jou nou om mij tinke en mij
jou lokwinsken oanbiede. To! je moatte jou net
noegje litte, ik scil ek noch ris mei. (Hij nimt ek
in leppelfol en jowt de kop wer oer oan Jochem.)
Jochem:
Siker boer, ik moast oars net mear hawwe. Ik
leau de resinen binne yn barndewyn sean, hjabinne
sa fol.
Wobbe:
Der is krekt noch sa\'n stealtsje yn, de kop
moat leech, dat heart sa. Hwet oerbljuwt for-
skimmelt.
Jochem:
Nou, der hawwe jou gelyk oan, boer! der is \'t
to goed ta. Min kriget it alle dagen ek net, min
scoe sa wol in super wirde kinne. It scil hjoed wol
licht rinne. \'k Leau wrichtig dat ik it al fiele kin.
(Hij strykt him om \'e holle:) Scil nou strak de
trouwerij wêze?
Wobbe:
To! jou moatte it stealtsje er ut nimme ! Ja, om
toalf ure hinne, scil de trouwerij wêze.
Jochem:
Giet de jonge frou dan ek dalik mei? (Hij drinkt
wer.)
Wobbe:
Net earder as joun, wij scille eerst hwet bruiloft
halde.
Jochem (hij wirdt al hwet
dronken:)
No, sjea der 1 hwet in leaf wyfke, ik woe er mi-
nes wol .... oan fórruilje, myn wiif wirdt al wat
-ocr page 37-
35
alder ... der is de measte aerigheid al hwet öf. Hvyet
kin se soms lilk wêze, lilk man !
W o b b e (hij glimket:)
Soa! Mar dan scille jou se ek wol pleagje
tocht ik. Hja is oars sa\'n dea-goed minske.
J o c h e m (forheard) :
Goed! brrr.... der moatte je mar om komme!
Langlêsten hat hja mij ris (iele litten ho skerp hjar
neilen wienen.... do \'k fen Wouters bruiloft thüs
kaem. Doe sei se ... . dat ik dronken wie .. mar dat
leag se .... ik wie sa nochteren as in nut. (Hij drinkt
wev.)
Wobbe:
Sloech se jou ek?
J oc h e m:
Slaen! (hij giet stean, róllet de fust op, en stuitet
tsjin Wobbe oan, dy tichte bij him stiet
.)
Slaen? Dat moast hja fordomd ris bisiikje! Ik scoe
se meppe, nou!. . . Hja driigde mij mei de tange,
mar ik krige de pook en do woe hja wol hakken
opspylje.
Wobbe (laket:)
Dat scil in komeedsje west hawwe. Jou moatte
net slaen. Jochem! dat heart sa net, dat wol min
fen sa\'n man as jou net hawwe.
Jochem (drinkt wer:)
Min kin se dochs ek net sünder iten op bed stjüre,
lyk as lytse bern..... en hwet scil min se dan
dwaen.... as min lilk is?
Wobbe:
Dan moat je it hjar mei goede wirden sizze, en
ünder \'t each bringe, dat jou de baes fen \'t hüs
binne en bij uwe wolle.
Jochem:
Mei goede wirden sizze!.... O jee! hja seit wol
-ocr page 38-
36
tsien wudden tsjin ik ien. ITja skelt mij üt for alles
hwet gemien is en .... en dan liket it, as hja dien
hat.... dat it praten hja forleard is, hwent dan seit
se yn fjirtsjin dagen neat... si\'iver neat, man! en
hat hja de bek mar op to gülen.. .JNé, myn wiif
is in heislik krüs......... ik woe \'wol dat \'k se
kwyt wier.
Wobbe:
En as jou se misse moasten, dan scoe \'t er nu ver
bijstean; güle gjin gebrek, dan stie it er slim foar.
Hwet scoene jou rouwe.
J o c h e m :
Min moast wol wat rouwe om de minsken, en as
ik het net die........dan seinen de minsken gau:
der sit yn Jochem gjin gefoel mear......en dat
koe mij yn myn negoasje skea dwaen........
mar oars ? Né, dan stiek ik de ilagge ljeafer iU,
en die in reade doek...... om, fordomme ! (Hij
stekt de fust op.)
Wobbe:
To! jou moatte ek drinke; jou forjitte \'t, leau \'k.
Jochem, (hij drinkt de kop
leech:)
Ja, boer, ja!
Wobbe:
Nou, de frouljue slaen, der koe \'k nea ta komme ;
it is so\'k aerich goed, tinkt mij.
Jochem:
Ja, dat kin je......nou wol sizze, jou krije ek
sa\'n smuk, ljeaf wyke, moai en jong, mar as je mei
sa\'n alde oanpiele moasten as mines......dan scoe-
nen jou ek wol hwet minder opsprekke.....en as
je ek mur in skoftsje trouwd west hawwe, dan scille
jou ek wol gau ünderüne dat it altijd gjin rys mei
resynen is....... mar faek groat mei króde. (Hij
laket.)
-ocr page 39-
37
Wobbe:
Underfining is de beste learmasteres, seit it sprek-
wird, en sa scilt mij ek wol gean.
Jochem, (skept i\'it de leege kop:)
Ik......ik miende dat er noch hwet yn wier.
Wobbe:
Wol \'k him noch ris fornjerje?
Jochem:
Né, boer, né!.......dan mocht ik noch to folie
krije.......en dan koe \'k de pook net line. Kom,
ik moat........ wol wer foart. (Hij giet stean en
stro/feit oer it pak, saclat hij fait, op hannen en
foetten; hij klaeuwt oerein, jowt Wobbe de hdn en
seit:)
Nou boer. ik winskje jou yet ris folie gelok
mei de lytse.
Wobbe, (laket tige:)
Hou, nou binne je de planke glêd mis, Jochem!
sa lier binne wij noch net, jou forsinnne je hwet,
net?
Jochem (hij stiet te wankeljen
en laket):
Ei ja! ho kom ik er sa sljucht bij .... min wirdt
ek alder ... .ik kin sa goed net mear unthfdde. Kom,
ik mat foart, wolle jou mij efkes helpe om it
pak oppe rêg to krijen\'? (Hij kriget it pak beet.)
Wobbe:
Ja wis wol! (Wobbe nimt it pc\\Jc en jout Jochem
de bannen derfcn -Onder it schouder troch. Jochem
scil efteroer falie, mar Wobbe keert him.)
Hou, der
scoene je hast fallon hawwe. (Hij lakei.) Jou pak
is net lichter leau \'k, as do je kaemen. Jou sjouwe
er to minsten mar gewichtig oer. Nou Jochem, it
giet jou mar goed, goede negoosje ! Hou ! jou moatte
net sa strofielje; thiis de groetenisse.
Jochem: (strompelt foart.)
Der scil ik wol foar oppasse, ik jou myn wiif
-ocr page 40-
38
ljeafer in groetenisse. (Hij stekt de fust op.) Moarn
boer, sounens en \'t beste. (Hij giet foart.)
Wobbe: (laket.)
Jochem scil hjoed wol goed forkeapje, en as er
thiis komt, ried ik, wirdt er öfbitelle. \'t Is dan
freeslyk, dat dy man it tinne gued sa ^raech mei.
It kin der hjoed wol op troch, Klaske scil wol hwet
troch de fingers sjen. Hij is divelske bang for hjar.
Sa \'t min seit, kriget er wolris hwet op syn baeitsje.
Nou, hij fortsjinnet wolris in wan, hwent op drank
is hij sa slij, dat er wol faak ris mei in poepke yn
thüs komt. As hja net better wier as hij, dan wier
syn pak gou oppe flesse. Hja is in himmel kreas
wyfke en past op penning-sekstjin.
K 1 a e s : (kom op.)
As de hyndsers foar de sjeas slein wirde moatte,
dan wird ik effen warsköge boer ?
Wobbe:
Ja. De greate swarte moast hwet stiif oanhelje,
as er sketten wirdt, haw \'k him hwet bet-
ter yn \'e macht. Dou hast hjarren noch ris goed
ünder hannen nomd ? Pas op dat alles skiën en
eptich is!
KI aes:
Moatte de wite binen ek oanbljüwe\'?
Wobbe:
Nea. die moatte üt; dat stiet net. En as wij dan
werom komme, dan moast klear stean, en nim de
beide hyndsers mei nei hüs „ de sjeas kin letter wol
thüs komme. Tink er foaral oan dat se skiën binne,
dat hast wol bigrepen?
K 1 a e s:
Ja wol boer! Oars ek noch hwet to bistellen?
Wobbe:
Né! (Klaes óf.) Nou, nou, der scil ik do boe-
-ocr page 41-
39
ren hjoed de eagen ris mei utstrike! Mei de bü-
gelsjeas trouwe! En dan sa\'n moai span swartsjes
er foar, dy de kening gjin ünear oandwaen scoene.
Hwet scil dat deftig stean. Hwet scille se \'r de
. eagen for opskürre! Mar ik mei wrichtich wol ris
yn de keamer sjen, as se klear binne ; it wirdt mei
gauwens tiid om yn to spannen. (Wobbe óf. It
toaniel is in eagenblik leech, dan komt Dyntsje yn
breidsklean op, ienfaldig yn \'t swart, hja giet mei
de hdn oan
\'e holle bij de tafel siiten.)
D y n t j e :
De keninginne fen de dei.......myn trouwfeest!
Nou is \'t dan sa fier, dat it wêze scil, de breidstoai
oan, dy mannich faem sa lokkich makket, dy sa
folie in laks op it antlit bringt, omdat se hjar her-
tewinsk, hweroer hja faek tochten, hweroer hja
droamde, bij dei en nacht, forfold sjen scille. De
breidstoai, hwer sa lor skrept wirdt, om se oppe
tiid klear te krijen, dy past en wer past wirdt, om
dy dei, dat se dragen wirde scil, foaral epstich to
sitten. De breidstoai, hweryn de ban sletten wirdt,
dy it lok fen mannich faem forheechet en folmak-
ket, mar ek soms it kleed, hweryn de ban sletten
wirdt, dy alle libbenswille smoare scil. O, bliere
tiid, der ik ek sa faek oer tocht en oer mimere haw,
dy ien fen de lokkigste dagen yn jins libben wêze
scoe, hwet haste mij bidragen. Hwet wirdt op dy
iene dei, dy inkele ure it libbenslot fen follen bi-
slist, — hwent gean al folie mei \'in laits op it ant-
lit in libben tomjitte, hwer min fen iise scoe, —
hwet wirdt er folie bijenoar kepple, dat netbijenoar
heart. Hwet in unk, hwet skande, hwet disharmo-
nije wirdt yn dy ure soms bisegele. Scil dat ek
myn lot wirde ? Scil mei de doar fen bikommer-
nisse ek de tagong iepene wirde fen myn ünk en
leed ? As de leafde eltse forbyntenisse slute moast,
dan hie "Wobbe hjoed ek net oan myn side stien.
Slftt ik strak de han yn sines, dan sprekt myn hert
net fen leafde, mar fen ófkear, — dan is de waer
forkoft. Sjouke scil mij forachstje ! Ik keapwaer j
-ocr page 42-
40
ik, dy de holle sa heech halde, en in oar om \'t
selde wol ris hiid foei. Mar lit mij der net mear
om tinke. Lit mij in blier gesicht ?ette, wyls it herte
brekt; it is myn trouwdei ommers\'? Myntrouwdeil
(Hja bljuwt stil tinkend in hoart stean.)
Wobbe, opkornmende:
Kom, is de pé al oan\'? Svvarte klean steano jou
tige moai, hear! Nou sjoch ik dochs ris in Mier
gesicht. Ei ja, as wij mar ienkear bijenoar bin-
ne, dan scil dat wol gou hwet wenne, hwet
seistou oars ?
D y ntsj e:
Ei ja, dat scil licht wol gean, as wij elkoar hwet
tajowwe, dan scil dat wol goed komme.
Wobbe:
Nea hie \'k tocht dat it mij \'t slachje scoe, ho ik
er ek nei winske, dat stou myn wiif wirde scoeste.
O, Dyn ! hwet scil ik grcatsk wêze op sa \'n leaf,
smuk wyfke. (Hij kriget njar om \'t skouder baet.)
D y nts j e :
Pas op! Wés mar net al to grien, it is de brui-
loft en dan kin \'t hwet lij e, mar \'t wol letter wol
ris hwet óffalle.
Wobbe: (glimkjende.)
Jawol, mar bjoed is \'t dochs alles nocht en wille
hwet er oan is. Wij steane hjoed op de heechste
treppen fen de libbensljedder, \'t is hjoed allegearre
sinneskyn en moai waer.
D y n t s j e (suchtet djip.)
Ei ja, lit iis mar gjin soargen foar de tiid hawwe.
Stoarmen binne en komme er genóch yn \'t libben,
en scille ek us deel wol wirde.
Wobbe:
Nou, han yn han, elkoar it libben sa goed to
meitsjen as \'t kin, scil fen myn kant altyd it doel
-ocr page 43-
44
wêze. En fen dij ek , is \'t net wier? Dan scille
wij dizze dei noch ris mei noeht neitinke kinne, oars?
D y n t s j e :
Der scil \'t fen myn kant wis net oan mckearje.
Mochten de beloften op dizze dei jown , ollyd mar
folbrocht wirde. (Nei in hjts amerij stilte i) Scoone
er hjoed ek rnear mei üs trouwe scille\'?
Wobbe:
Ja, de dochter fen skilige Beits en Pibe.
D y n t s j e :
Ek mear?
Wobbe:
Mear wit ik net. (Nei \'n poaske stilte:) Scoene
de alde ljüwe hast klear wêze?
D y n tsj e:
Ja, dat tocht ik al, heit scoe niis de heeche hoed
fen de souder hel je, en mem wier ek sa goed as
klear.
Wobbe:
Jochem kaem hjir niis, om üs to filesetearjen, mar
hij is net oan dij |takomd , do wie er al sa swier-
settig, dat hy scoe al efteroer op de uier lein haw-
we, as ik him net keard hie. Ik haw him ris trak-
tearre; der hat er de hiele dei wille fen.
D y n t s j e :
Hie er al wer to folie drank, of hat er \'t hjir
krige ?
Wobbe:
It smakke him sa skoan, hij hat de hiele wite
kop leech himmele. (Dyntsje skodhollet en sjocht
Wobbe forwitend oan.)
Klaversma en Grytsje komme op.
-ocr page 44-
42
Klaversma:
Kom , jimme wiemen al earder klear as wij. Ei
ja, dy \'t mearste bilang by de saek havvwe, binne
gewoanlijk it gaust ei" bij , \'hè?
G r y t s j e , nimt Dyntsje bij de
en seit:
Nou bern, ik hoopje , dat dizze dei i\'is mar lok
oanbringe mei, dat hij jimme nea birouwt, en dat
jimme yn frede en foarspoed libje meije. It waerd
üs bij it trouwen ek troch mannichien, en ik for-
trouw ut in goed hert, tawinske en as \'t jimme giet
as üs, dan is dizze dei üs allegjerre ta \'n seine.
Klaversma:
Dat wolle wij hoapje. Ho folie binne sa \'n dei
mei fortrouwen tomjitte gongen en twifelen er sels
net oan, of it wie ynerlike leafde, dy hjarren for-
boun, doch dy letter oars ünderfoun hawwe. Dizze
les wol ik jimme fen herte meijaen en nim se yn
tank oan: Yn foarspoed meyenoar te kinnen is gjin
greate kinst, mar as \'t ris tsjinstribbelt, dan komt
it mear op de man oan, en tink dan, dat de leafde,
dy jimme forboun, heecher stean moat, dan alles
hwet om jimme hinne bart; dat yn it elkoar goed
bigrypen ek mearst it forjaen en elkoar fordragen
opsletten is. As dat altyd mear for cagen halden
waerd, dan bleauw de genegenheid foar elkoar lan-
ger en ealer biwarre, dan nou bij in hopen ljue it
gefal is.
Wobbe:
Dat scil ik, sa folio as ik kin, altyd bitrachtsje,
dat beloof ik jou !
G r y t s j e:
As dat sa is, dan fortrouw ik wol dat Dyntsje
hjar best ek dwaen scil, om de hüslike frede en
iensgesindheid to biwarjen en to forsterkjen.
Dyntsje:
Dat haw ik foar mij nomd.
-ocr page 45-
43
Klavers ma:
Dan wolle wij dat mar yn fortrouwen tomjitte
sjen. Mar dit woe \'k er yette efkes bij sizze en it
kin syn foardiel ha: dy trouwt forliest folie,
hweryn er nou wille en genot fynt. Hij moat in
bultc farwol sizze; hy moat fen dy tiid óf oan syn
oanhald yn it husgesin siikje, en dy in goede frou
op side hat, dy scil it der ek fine kinne. Dat moat
foaral it streven fen de frou wêze, hja moat begripe,
dat hja it hus hi\'isselik meitsje moat, en net yn alles
hjar eigen sin trochsette. Wij wolle hoapje, dat dit
Dyntsje slachje mei. Mar it wirdt leauw \'k tiid fen
ynslaen.
G r y t s j e :
Dyntsje, hast\' dyn wanten bij dij?
Dyntsje:
Ja mem, dy haw ik al.
K laversma: (tsjin Wobbe.)
Wolle je ek in sigaer opstekke ?
Wobbe:
Né, tankje, \'k scil mar net rooke. Mar hark,
hwet is dat ? (Min heart yn de fierte sjongen it earste
fers fen eftersteand liet.)
Hwet scoe dat wêze ? O
ja, nou wit ik it wol: fen \'e moarn binne der twa
fen it soldatefolk hjir kommen, ik tink dat hjoed
de Oasterlingen foartgeane. (Dyntsje skrikt. It sjon-
gen komt geandewei neier, min kin \'t krekt forstean,
natilrlyk buten de skerms. Klaversma, Grytsje en
Wobbe geane nei it finster. Nei \'t sjongen fen it
twaddc fers, seit Klaversma)
: Der is Sjouke dan
ek bij , \'t griist mij dochs oan om dy fint, en ek
om syn alden. \'t Wier altyd sa \'n goede, wolmie-
nende, earlike, oprjuchte jonge. Wij hawwe him
sa faek bij üs hawn, \'k scoe him for \'t lést dochs
noch wol ris sjen wolle.
Grytsje:
Ja, ik ek wol!
-ocr page 46-
44
Wobbe:
LH üs dan bütendoar gean, hja komme hjir dochs
foarby. Om myn part sjoch ik him nea wer en pakke
de Atsjineezen him yn. Giest\' ek mei, Dyn?
D y n t s j e :
Nè, ik hljüw hjir mar, ik. haw him sa faek al
sjoen. {tlja hat yn H leste skoftsje stiif foar hjar
del sjoen en hellet nou de bi\'isdoek ut de biisse,
hwerefter hja seaft skriemt.)
Klaversma, G r y t s j e en Wobbe öf, de
léste neidat er nidig nei Dyntsje sjoen hat.
D y n t s j e, allinne. Hja is alhiel
fen de wize, skriemt en seit, wylst hja
sitten giet:
Der giet er dan nou.....en dat om my.....hat
er dat.. ibrtsjinne ? Dy goede, beste jonge? O né !
o né !.... hvvet in edel hert,... hwet earlyk, hwet
trou tsjinoer mij en nou ? ... Hawwe syn alden
him........net like leaf as mines my 1 Syn
fdden ! hwet scille hja my........1\'orwinskje!
(Hja slacht de hem oan de holle en giet stean.) Mij
forwinskje........en \'k hie altes for hjarren wêze
kind....... Mij forllokke.....forwinskje .... O,
scoe ik de moardnaresse wirde ten dy ïtngelokkige
mem, fen hjar soan.....en fen mij sels ? .... Mij
forwinskje......! O God, hwet doch ik ? (Hja
slacht de hannen gear.) Sjouke! dij forjitte 9 . . . .
dij forjitte\'? .... Mij forllokke? . . . en hij miende
\'t sa goed mei mij .... Forjitte ? Né !...... Mij
forflokke ?...... Sjonke ! ! Sjouke !! (Hja scil ef-
teroer falie, mar krekt komme Klaversma, Grytsje
en Wobbe op it toaniel. Wobbe heint hjar yn syn
earmen op. Wyls heart min hwer it sjongen, dat
geandcwei fjirder ófgiet. Dermei
fait it Gordyn.
-ocr page 47-
45
Wize : „Do Lubbert om in wiif yet sochte".
Hwer wij sa faek op boartten, djoeiden,
It plak der mem üs widse hat,
Hwer wij ta stoere jongens groeiden, ) Xwakear
0 né! dat plak forjit üs net!               )
Der, hwer de fryske fammen songen,
Towyl hja resten oan üs hert,
Hwer wij mei hjarren dounsen, sprongen, )
Twakear,
O né ! dat plak forjit üs net!
En moatt\' we \'t famke-ljeaf forlitte,
Hjar byld forlit üs sinnen net,
Wa scoe syn ljeafste pan forjitte? )
O né, \'k forjit myn famke net! )
En al wirdt fen Eastinjes strannen
Us slimme net yn Fryslan heart,
Dochs roppe w\' yn dy fiere lannen:
\'k Forjit, myn faem, ek hjir dij net.
)
Tivakear.
Tiuakear.
TREDDE BEDRJUW.
It toaniel is de keamer feu VVobbe en Dyntsje.
D y n t s j e, (sit mei de hdn oan
de holle en it breidsjen t/n de skirte bij
de taf et en seit):
Min scoe siker slieprig wirde, jisternacht wier
\'t healwei ienen en fen nacht ien ure doe er tlnis
kaem, beide kearen wer mei in goede roes yn. En
koe min dan foart mar nei béd gean, mar né, dan
earsl de boel nocli fiks yn oproer, troch \'t büthüs
tleane, krek as er gek is, de feiuten dtflokke, om
allerbande nietigheden, en dan de feinten lilk, liim
forwinsk je en forwilingen dwaen,/ en dan draeit it
op \'t lést op mij vit. Dat er alles fen mij seit hwet
gemien is, dat hear ik net mear, dat bin \'k al
wend; och! dat hindert mij net; mar dat er myn
-ocr page 48-
40
uiden sa forwinsket, dy him dochs gjin strie yn de
wei lizze, dat docht mij tige sear. Sa wirdt it sliepen
nachts net folie en moarns moat \'k er al yntiids
wer bij. Moast hij er dan ek foart mar mei mij öf,
dan scoe er jouns wol yntiids thuskomme, marné,
dan sliept er de rus goed ut en sjocht min Wobbe
net earder as njoggen ure, healwei tsienen , forsüterd
en lilk ; dan wer in süpke om bij de tiid to kommen,
sadat er eigentlyk nea nochteren is en bijnei nea
goed to sprekken. En hwet in lést, bütendien. \'t Is
fen sels, de boden wolle hj arren net ütflokke litte,
hja litte jin de hakken sjen en dy min al hald binne
mearst neat better as de boer sels. (Suchtsjende.) Ja,
ja, myn libbenspaed is net mei rosen bistruid, de
moed giet er wol ris üt. Ik moast him nea nomd
hawwe, seit min wol tsjin mij, mar och! ik
miende myn alders to helpen en ik miende him, as
wij mar ienkear trouwd wiemen, mei goedens wol
torjuchte to bringen. Mar \'t is allegearre büter oan
de galge smard. Mei goedens !.....och heden , scil
ik mei goedens him ünder \'t eag bringe, dat hij syn
libben fjornielt; dat wij folie wille hawwe koenen
as hij goed oppaste on thus bleauw, dat wij earm
wirde scille as hij sa foartgiet en de saken for-
waerloast, — och, dan bigjint er to skellen en to
razen, en docht mij en myn alden de freeselijkste
forwitingen. Dan moat \'k mij wol ris ütskrieme,
en dan komt altyd de byldtnis fen Sjouke mij foar
eagen, ho goed en edel dy altyd tsjin mij wier;
dan tink ik hwet libben ik haw en hwet ik hawwe
kind hie mei Sjouke. O, o ! hwet in lot! En as \'t
sa foart giet, dan wirdt it yette slimmer, dan wirde
wij ek noch sa earm as in lus. Us beide pleatsen
binne al forhypotheeke en juster kaem ek al in doar-
waerder oan hüs, dat binne gjin goede teikens. Hij
fortelt mij neat, mar derom tink ik mines wol. Hij
wol it jild, dat myn alden fen him briïke, opeaskje;
ik haw dit ont nou ta noch keare kind.......
mar stil! komt mem der net oan ? (Hja sjocht yet
ris ta it finsler üt en krijt in stoel en set dy bij de
tafel del.)
-ocr page 49-
47
G r y t s j e, (opkommende :)
Dag Dyn, ho giet ït mei dij ?
Dy nts j e :
Goed mem ! Is \'t thüs ek goed ?
G r y t s j e :
Best op stap, de groetenisse. Mar hwer is Wobbe ?
D y n t s j e :
Dat wit ik net; hij is fen \'e moarn foart gien,
om in boadskip, sa \'t er sei mar hwet dat wêze mei,
wit ik net. Letter nat er him forklaeid en is er wer
mei de sjeas foartriden.
Gr y ts j e :
Komt er noch al sa faek dronken thüs, en is er
dan noch sa lilk en dwars ?
D y n t s j e :
Och! dronken mem, dat kin \'k just net sizze,
mar wol ris dat hij to folie hat en dan is er meas-
tentiids ongemaklik en lilk. \'k Doch er sa folie war
op, om dat oars to krijen, mar \'t helpt net \'n byt,
hij wol net nei mij harkje. \'k Leau dat er him
tsjinwirdich ek hwet yn de holle ompopelt, hwent
hij komt hast alle jounen let thüs, en hat altyd drank
hawn. Hwet it wêze mei, wit ik net, mar \'k bin
bang, dat lis saken sa goed net steane, as hij bij it
trouwen üs wysmakke nat. Jochem Pak is folie mei
him op\'e sjou. Da\'s ek in ljeafe jonge; ünderfyn
ik hwet, dy syn wiif ünderfynt hjarres ek wol.
G r y t s j e :
»Soart siket soart," seit it sprekwird en as Jochem
op in oar syn büsse tarre kin, dan is dat just syn
man. It helpt dan ek al net in byt, as de frouljue
boas binne, hwent dat is Jochem syn wiif oars wol.
Wobbe hat üs ek al wer oan west om it jild, dat
wij fen him to lien hawwe.
-ocr page 50-
48
Dynts j e:
Dan scil \'t wol om jildsaken wêze, dat him de
holle mealt. Wier dat dan mar wer foarelkoar,
hwent it is sa hast net ut to halden.
Grytsje:
Ik leau wol dat astou Sjouke nomd hieste, wij
wizer dien hienen as nou. \'t Is nou oars neat als
lijen, en hwet scil er noch fen komme ? Dou moast
mar moed halde, fanke! it ein scil de lést drage.
Bihandelje him goed, licht komt er dan ta ynkear
en lit er noch ris ienkear de drank stean.
D yntsj e:
Dan scil er wol hwet bysünders barre moatte.
Ik haw sokke minsken faek biklage, mar nea hie
\'k tinke kinnen, dat it sa \'n krüs wier. Min bihir-
det er to \'n lésten yn, alle dingen wenne en min
wirdt er hwet ünforskillig ünder. Kom! ik scil de
koffje ré meitsje, Wobbe scil dalyk noch net thüs
komme, en dan kinne wij aerdig hwet byenoar sitte.
Grytsje:
Heit scoe earst ek mei komd hawwe, mar hij
krige drokte. Wel stom! nou haw \'k de lape goed
noch forgetten, dy \'k for dy koft hie.
D y ntsj e :
Ik haw er ek noch gjin forlet fen.
Grytsje:
Mar hwet \'k sizze woe: fen \'e wike fortelden se,
dat jimme beide pleatsen wiemen saforhypotheeke,
dat se moasten yn \'t koart forkoft wirde. Ik waerd
er hwet üngerêst oer en derom kom ik hjir eigent-
lyk ek om dij der ris nei to freechjen. Ik scoe nou
oan dy wol sizze, dat er hwet fen oan is.
D y n t s j e :
Dat wij in bulte jild fen in oar biüke, leau ik
-ocr page 51-
40
wol, wij hawwe tominsten faek it jild krap. Hij
tortelt mij lykwol neat, mar \'k fornim wol ris hwet.
Ik haw ek al ris in sommaesje fen in doarwaerder
yn de sikkretaire lizzen sjoen. Doch der sa folie west
hat, scil alles noch net opwêze, tinkt mij. Hij
fordocht in bulte en dan mient er soms ek noch
dat er tige kloek is, tominsten mij gunt er hast gjin
hüshald-jild.
Grytsje:
Sa binne se mearst, dy supers. As se thüs komme
en de leege jildpong nei sjochge, dan bigruttet it
hjarren dat se safolle onnut fordien hawwe en dan
moatte de frouljue it wer üntjilde.
D y n t s j e :
En elk wit wol fen sokken to toppen, as se dan
in rüs yn hawwe. Fine Lys wol \'k leauwe, libbet
for in great diel ek ïit Wobbe syn büsse, dy wit it
him mei hjar llaeierije en fine streken moai of to
trocheljen.
Grytsje:
Ja, dy dogenet, dy hjar hannen net thüs halde
kin, dy is ta alles yn steat. \'k Mei dat wiif foar
myn- eagen net sjen.
D y n t s j e : (sjocht ta it fin-
ster ilt.)
Mar sjoch ik der üs sjeas net oankommen ? Ja,
wrichtich, der is er al! Hwet komt er nou bitiid
thüs. Ja wol, Jochem is al wer bij him.
Grytsje:
Kom, dan gean ik mar foart, hwent as er in stik
yn hat, scil er wol wer lilk wêze, en tominsten as
er mij sjocht; de manljue hawwe mearstal it hekel
oan de skoanmemmen en hij foaral.
D y ntsj e :
Bij uw derom mar gerest sitten, mem hat him om-
mers neat misdien, en hij komt nea sa bitiid thüs,
. it koe nou ek wol ris goed mei him wêze.
-ocr page 52-
r>o
Gr y ts j e:
Né, ik gean dochs mar foart. (Hja wol gean, mar
wiles komt Wobbe hjar tsjin. Hij is licht dronken.)
W o b b e , (tsjin Grytsje:)
Soa alde, bistou hjir ek wer om de boel mei op
to fretten? Hwet dochste hjir? Ik haw dij hjir net
noege wol ? Gean dos mar wer nei dyn eigen soadsje.
Grytsje:
Man, hwet miskearret jou? Ik liz jou neat yn
\'e wei wol? en ik rin jou drompel nets wart? Hwet
hawwe jou mei mij to meitsjen ? Mar as ik jou
hjir to folie bin, dan scil ik wol foartgean. (Hja
sjocht om hjar hinne.)
D y n tsj e:
Mem misdocht jou ommers neat, Wobbe; hwerom
skelle jou hjar ut? Hwet hawwe jou op hjar tsjin?
Hja kin thus wol iten kiije. Hja yt üs tominsten
net op. Mij tocht, dat jou ek hwet mear fatsoen
leard hienen, dan om sokke wudden tsjin hjar te
sizzen.
Wobbe, (tsjin Dyntsje:)
Hwet forrekt mij dat ? Ik bin baes yn myn eigen
hus en scil er yn noadsje dy ik sels wol; dou hoefst\'
se mij net oan to wizen. (Tsjin Grytsje:) Dou hast
wol neard, hwet ik sein haw, nou ? ik wol dij er
net ljeafst utsmite.
Grytsje, (lilk:)
Dat scoe \'n je ek wol net dwaen kinne, as je sa
folie jenever hawn hawwe as nou. Foai! skamje
jou hwet. Tink jou net om jou wiif; marfoaralom
jou sels? Hwet moatte de gefolgen wirde? Skamje
jou hwet! Der utsmite hoeve jou mij net, ik scil
wol ,gean, en kom hjir foarearst net wer. \'k Scil
jou boel net mei op-ite, it scil hjir troch dyn dwaen
oars wol opreitsje.
-ocr page 53-
51
W o b b e, (driigt hjar:)
Forrek dou! Scilst\' nou ek gean ? Ik wol fen
dij gjin praetsjes mear hearre. Ik scil jim\' opsitten
leare, ik wol myn jild werom hawwe, earme skob-
berts!
(D y n t s j e skriemt.)
Grytsje, (giet of, en seit tsjin Dyntsje:) Dach
Dyn! Skriem er net om fanke, \'t scil wol wer bi-
darje. (Of.)
Wobbe en Dyntsje:
Dyntsje, kriget him bij de hdn
en seit:
Och Wobbe, hald op! hald op! Mem mient it
sa goed en misdocht jou ommers neat, hweromjeije
jou hjar foart ? Hja is sa goed for üs en wol dwaen
hwet wij sizze. Gean hwet lizzen en sliep jou hwet
ut.
Wobbe, (skoert de hdn los:)
Ik haw dyn sedepreken net nedig. Mienst\' dat
ik dronken bin\'? Fordomme, ik scil sels witte wa \'k
hjir hawwe wol of net, der hoefik dij net nei to freech-
jen. As \'t dou it net mei mij öfkinste, ruk dan
ek mar ut. Ik kin mij buten dij best redde. Op-
frette de boel, dat kinn\' jimme en as min er hwet
fen seit, dan daedlyk de bok mar op to gülen. Dat
haw \'k sa faek al sjoen, tinkst\' dat ik mij derom
f oroarje 1
D y n t s j e :
Och, ik wol wol dwaen hwet jou tinke, ik doch
jou ommers neat gjin lést oan, mar as it sa langer
moat, dan wit ik mij gjin rie. (Hja skriemt.) ,
(Jochem komt op, ek min of mëar dronken.)
Wobbe, tsjin Jochem :
Myn wiif hatit.opdesónuwen, Jochem! (Hij laket.)
Sjoch lis: trienen as balsticnen, is \'t net in griis 1
-ocr page 54-
52
Hawwe jo myn skoanmoer wol rinnen sjoen ? Hja
naem hakken op net? Hja hat de baerg ringjen
sjoen, en doe miende se dat it oan hjar ta wier.
(Hy laket.)
J o ch e m :
Ja, ik tochte: hwet skilt moeke, hat hja in kies
loeke litten ? Sa sur seag hja.
D y n t s j e , tsjin Wobbe:
Is myn mem jou hjir yn \'e wei as hja komt, ik
kin mij tominsten net begripe, hwet sa\'n man as
Jochem hjir docht. Hij bringt dan tominsten de
boel er mei troch. (Tsjin Jochem:) Ik scoe mar
nei myn wiif en berntjes ta gean, dat stie jou frij
hwet fetsoenliker as hjir heal dronken to stean.
Jochem:
Stean ik jou hjir yn \'e wei frou, dan scil ik wol
gean. Mar wij scoenen earst noch in romerfol hawwe,
net boer?
Wobbe, (tsjin Dyntsje) :
Ik haw dij niis al sein : wa ik hjir hawwe wol,
scil ik sels witte, der freechje \'k dij net nei. Helje
mij de llesse mei drank en in pear romers.
Dyntsje:
As je mear drank hawwe vvolle, helje dy dan sels
mar, ik doch it net, jimme hawwe genóch hawn.
Och to, Wobbe, gean hwet lizzen, dan kin Jochem
ek nei hüs gean; hwet hawwe jimme er oan om nou
mear to drinken ?
Wobbe:
Drank wol \'k hawwe, ik haw \'t Jochem biloofd;
scilste \'t ek helje ? Siz !
Dyntsje:
Ik net! Alles wol ik for jou dwaen, mar dit net,
dat stiet lést!
-ocr page 55-
53
W o b b e : (Hij wol hjar in trieuw jaen.)
Scüst\' it ek dwaen ? Ik siz it gjin tweintich kear,
der kinst\' mar op oan.
J ochem:
Foi boer, jou moatte jou frou net slaen, hja is
sa\'n dea-goed minske. (Hij laket.)
Wobbe, (lilk:)
Dat scil ik sels witte , for den donder, dat hoefst
mij net to biletten !
Jochem:
Nou boer, dan scille jou sels de flesse wol helje
moatte, oars krije wij it net.
"Wobbe, (tsjin Dyntsje:)
Ik scil it dwaen, mar dat scil ik dij bitelle sette,
der kinst op oan. (Hij wol gean.)
Dyntsje, (keart hirn tobek:)
Och Wobbe, doch it net, doch it net! Och wêz
wizer, doch it net!
Wobbe, (trieut hjar fen siden:)
Ik scil sels to witten hawwe hwet ik doch. (Beide óf.)
Jochem, (allinne:)
Ha ! ha! ha! In moaie komeedsje, mar wij krije
dochs in hufke ! Né ! de frouljue moatte gjin baes,
dat jowt in forkearde wrald. As myn wiif wist, dat
ik hjir oan de bitter kaem, dan scoe \'t ek net best
stean. Ik haw hjar wiis makke, dat ik hjoed de boer
op moast. Ha ! ha ! ha ! sa moat hja forrifele wirde.
It kostet mij neat, en ik krij noch faek hwet jild
ta, hwent as de boer dronken is, wit er der neat
fen hwet hij docht, en as er dan jild wikselje moat,
dan bin \'k syn kassier! (Hij sjocht om him hinne,
as er ek lustere wirdt.) Och nou, dy \'t kwyt wêze
wol, moat ek hwet kommisje-jild jaen. Dat heart sa.
Hij hat fen \'e moarn wer jild bard, haw \'k sjoen,
dat hat er noch bij him, der moat ik oars ek hwet
-ocr page 56-
54
fen hawwe. Earst noch in hufke bitter of kleare,
hwet de tiid mar seit en dan moatte wij togjerre
mar wer op sjou. Kom, der komt er al wer oan.
Nou, hij hat wol hwet ünder de koark, liket mij ta.
W o b b e : (mei in flesse en in
kopke.)
Ik koe gjin romers fine, alles is hjir ek altyd wei\'
mar mei in kopke scille wij üs ek wol redde.
J o c h e m :
Jawol boer! Ik haw\' \'t wol ris ut in skoech hawn.
Nou, ik haw wol wer sin oan in dripke, jou ek
wol, net ? (Hja geane sitlen.)
W o b b e , (skinkt yn en drinkt.)
Nou, sjea der! dat smakket noch better as ut in
romer, en er giet hwet mear yn.
J o c h em :
Jou hawwe lekkre drank, boer! Hwer keapje jou
dy, sokke scoe \'k ek wol ris hawwe wolle.
Wobbe:
Ik kry se bij it fetsje fol üt de stêd. Jou kinne
wol ris hwet fen mij oerkrye.
J o ch e m :
Nou, sa soe \'k wol graech wolle, min kryt it net
sa faek, en for in inkele kear wol min dan ek wol
ris hwet goeds hawwe.
Wobbe:
Ik haw dy oars al faek ris traktearre, tinkt mij.
Dou bist nea tofreden. (Nou en dan drinke hja.)
J o c h e m :
O ja boer, der klei ik yn \'t allerminst net oer.
Né, as er mear sokke beste minsken wiemen as
jou, dan wier de wrald er better oan ta as nou.
Wobbe:
Ja, de measte minsken binne sa ful as foarken
-ocr page 57-
55
en gunne in oar neat, mar sa lang as ik hwet haw,
wol ik in oar ek hwet takomme litte.
J o ch e m :
Der wol ik noch ris op drinke, dat is sa \'n moaie
toast, as ik nta earder heard haw. Sjea der, boer!
op jou woldijen. (Hij drinkt.)
Wobbe:
lt mei jou wol bikomme. (Hij wirdt geandewei
dronkener.)
Hwet hawwe dy frouljue al in gezanik.
Hie \'k mar nea ien nomd, dan koe \'k myn eigen
sin altyd dwaen, mar ik wol ek net ünder hjar pan-
toll\'el stean, dat forpof ik.
J o c h e m :
Der hawwe jou gelyk oan, boer, dat die ik ek
net. Né, gjin frouljue baes.
Wobbe:
Dyn wiif is al baes, Jochem! der sitste ünder.
Hwet bistou al in sukkel, in stumper. Hwet scilst
joun wer hwet op dyn baeitsje krije. (Hij laket.)
Jochem:
Dat mocht hwet. Hja moat er ris hwet fen sizze,
dan scil ik hjar. (Hij röllet de fusten op.)
Wobbe:
Ha! ha! ha! In dea man op \'e Goezzebrief. Dou
trillest\' al as \'t hjar sjochtste. Ik scil dy strak nei
hüs ta bringe mei hyndcr en sjeas, dan wol \'k dy
üntmoeting ris sjen. (Hij laket.)
Jochem:
Dat is goed fordomd; slaen it hynder mar foar
de sjeas.
Wobbe:
Ja! Ja! nou in hecch wud en strak in skiep, dy
him slaen en trieuwe lit, hwer min himh awwe wol.
Ik scil tsjin Klaes sizze dat er ynspant. (Hij giet
-ocr page 58-
56
oerein stean, mar fait wer op \'e stoel del.) Siz dou
it mar!
J oc h e m :
Goed boer! (Hij giet frij hwet siuiterich of.)
Wobbe, (allinne:)
Hwet scil de greate man strak lyts wêze. (Hij
laket.)
Nou in great wud en strak hwet op \'e ransel.
Dy frouljue binne divels. Ik sit nou ek mei sa \'n
akelig wezen opskipe en dan ek noch mei sa \'n oan-
hang. Heit, mem, broeren, susters, ja wit ik it\'?
Dat komt hjir mar to iten en to drinken en de
boel op to meitsjen, wiles ik skrep om it bijenoar
to krijen. Mar ik scil er in skoattel for strike.
J o c h e m , (komt op :)
Hij scoe \'t dalik klear meitsje, hjer!
Wobbe, (ivol opstean :)
Kom , dan wolle wij er mar hinne gean. Mar dat
stealtsje mat earst ut de llesse. Scil ik it er mar üt-
nimme ? (Hij set de flesse oan de hals.)
J o c h e m :
Jawol boer! ik haw genóch hawn, it kin sa wol.
(Wobbe stiet op, mar hdldt him oan de stoel frst.)
D y n t s j e , (opkommende :)
Och Wobbe, gean net foart. Harkje nou ris ien-
kear
nei mij. Siker, ik mien it sa goed mei jou.
Och, kom yn de keamer, doch nou ris ienkear myn
sin. Och, gean net wer foart, bljïiw bij mij thüs,
ik bid, ik smeek er jou om.
J ochem:
Jou scoene mij thüsbringe, boer?
D y ntsj e :
Och, dat kin Kkes wol efkes dwaen as it dochs
moat. To Jochern, wêz wizer, och, ried it him of.
-ocr page 59-
57
M a e i, (komt op en seit tsjin Dyntsje:)
Ik scoe jou de lape bringe, dy de alde f\'rou hjoed
forgetten hie. Mar hwet hawwe jimme hjir bij \'tein?
Hawwe wij de pakkedrager hjir ek ? Dy sjocht wol
sa tleurich.
J o c h e m , (stuiterich:)
Ja Maeike-ljea, wij scoencn noch ris ut to riden,
wolle jou ek mei 1 (Hij wol hjar beetpakke.)
M a e i, (slacht him op de earm :)
Hannen thüs! dat haw \'k jou faker sein; soks
moatte je jou wiif dwaen, mij net.

Wobbe, (tsjin Maei, lilk:)
Hwet dochst hjir?
M a e i:
Ik scoe ris bij jou sjen, boer. Jou hienen de bok-
keprük op, sei de alde frou, en sa\'n man hie \'k
nea sjoen, der wier \'k niisgjirrig nei.
Wobbe:
Dou noefst mij de gik net oan to stekken. Hwet
hast\' hjir nedig ? Der ut mei sokken! (Hij wol hjar
der ütjiere, mar Maei bljtlwt stean en seit:)
Maei:
Ik haw myn boadskip noch net dien, en earder
gean ik net. Jou binne rare breinroer, boer! hawwe
jou üs maet spritsen? (Hja laket.)
Dyntsje, (sunich:)
Och Maei, meitsje him net lilk.
Wobbe:
Scilstou der ek ut gean 1 Oars smyt ik dij er ut,
smoarge klitse, dou hast hjir neat to meitsjen.
Maei, (laket)
Hark ris boer, der ütsmite kin je mij net, der
-ocr page 60-
58
laitsje \'k om. Pas op myn hannen. Jochem hat. se
al iis field, en se binne noch allike kivflig as allyd.
Kom er net to ticht bij, dan bigjinne se mij to jok-
jen.
Wobbe:
Der üt scilst\' er; ik bin hjir baes. (Hij wol hjar
beet krije
. mar Maei slacht kim fdleindig op\'e earm,
dat hij loslit, en rare pijnlijk sjocht.)
Maei:
Hannen thüs! Moat \'k dat nou al w\'er sizze ?
Wit je hwet ik hjir eigentlyk doch, boer? Ik scoe
de frou mar hwet geselskip halde, om, sa lang as
jou net foart wiemen, hjar tsjin jou to beskermjen.
Binne jou in man for sa\'n goed minskc? Ik scoe
mij hwet skamje, mij dronken to supen, en dan yn
geselschip mei sa\'n utforkoaren fet. as Jochem. (Tsjin
Jochem:)
It scil op jou lfin waeije, keapman! Élts
moat witte, ho \'n gemiene kcarel as je binne, dan
reitsje jou de nearing kwyt en kinne letter rinne to
skoaien, en kandidaet wirde for de Ommerschans.
Jimme binne noch minder as bisten, jou en de boer,
en as jimme sa wer foartride, dan kin\' jim\' beide
wol dea thüs brocht wirde. Nou, folie wier er dan
ek noch net wei.
Wobbe, (wol wer op Maei ta.)
Ik scil dij dea-skoppe, aep datste biste. (Hij wol
hjar oanfleane, mar Di/ntsje keart him tobek. Wiles
ropt Klaes, dat it rydtüch klear is. Jochem krijt
Wobbe bij de earm en wol him sa meiloeke, wiles
Dyntsje Wobbe ek beet kriget en seit:
D yntsj e :
Och Wobbe, bljüw thüs, gean moarn ljeafer hinne,
och toe! doch myn sin.
Wobbe, (skoert him los.)
Los siz ik dij, of dou krigest in lawibes. Kom
Jochem! (Jochem krijt Wobbe yn de earm.)
-ocr page 61-
59
Jochem, (yn it foartgean:)
Ja boer, wij hawwe hjir lang genóeh bij dyfrouljue
west. Hwet maelt it üs; kom boer! kom ! oars wirdt
it hynder kald.
W o b b e, (yn \'t foartgean, tsjin
Dyntsje
:)
As ik werom kom, moast de doar iepen hawwe ,
hear! (Of.)
M a e i:
Ik koam de boeiïnne tomjitte, hja wier raer fen
\'e wize, en woe wol, dat ik effen bij jou oanseach.
Dyntsje, (sit mei de hdn oan
de holle
.)
Och! och ! hwet is \'t al binaud, dat it sa moat
It doch sa myn best om yn hüs it sa goed en huslyk
to meitsjen as ik kin, ik doch altyd syn sin, mar \'t
helpt mij neat. Ik bin myn ried to\'n ein. Koenen
heit en mem mij de kost better jaen, dan gong ik
nei hüs, hwent sa\'n libben kin min net üthalde. As
hij mar net in üngelok kriget. Klaes doar him ek
net tobek h:\\lde, hwent dan is er gjin ried ta.
M a e i:
As er in üngelok kriget is \'t syn eigen skild en
dan wier der net folie om \'e hals. Jou hawwe oars
neat as lijen, en hij bringt er sadwaende ek noch
alles troch. Ik wit dit wol: as ik sa\'n manhie,dan
seach ik er net oars om, as hij dea thüs brocht waerd.
Dyntsje:
Foi, Maei! It is altyd myn man; hij ünthjit mij
ek wol ris betterskip, mar as dy Jochem er bij is,
dan is \'t altyd mis.
Maei:
Dan moast ik hjir deis ris bij jou wêze. Dan scoe
\'k dy gou öfringje, dat er it weromkommen wol
forjitte scoe. Dy skobbert, ik moat him hjir ris
wer oantreife.
-ocr page 62-
60
D y n t s j e :
Ja Mnei, it is beller to sizzen as tu dwaen, dat
scilst\' letter wol ünderfine. Kom, ik scil de lape
weibergje. (Dyntsje óf.)
M a e i, (allinne :)
Nou as ik sa\'n man hie, dan makke ik koarte
metten. As ik mei goedens net slachje koe, dan lei
ik de tange der op, ik scoe \'t him fiele litte. Ik
klaude him de eagen ut de holle, der koe er op
oan. Hwerom wier Dyntsje ek sa blyn. Hja wist
it wol, wa hij wier, mar »om der wille fen de smeer,
likt de kat de kandeleer" seit in sprekwird en sa
giet it folie. Mar troude frouljue binne er op sa\'n
menear min oan ta. Salang as se faem binne, bljüwe
se baes oer hjar sels, en sadra de ban sletten is
foar de boargemaster, wirde se de slavinne fen de
man, en hawwe se neat to sizzen. Dan kin de man
oer alles, oer hjar dwaen en litten, ja sels oer hjar
jild biskikke, en wol it wiif net goedschiks nei syn
pipen dounsje, dan moat it gerjucht him yn alles
noch bijstean. As de frouljue de wetten ris mei
meitsje mochten, dan scoenen se for dat iinrjucht
gou in skoatteltsje strike. Mar as ik in man krij,
scil ik oppasse dat ik him lije mei. Hij moat foaral
drankfrij wêze, en in pear goede hannen oan de
lea hawwe, dy arbeidsje kinne en wolle.
Klaes, (opkommende:)
Dan moast mij hawwe; better kinst neakrije, dat
wist wol! Dou hast sin oan mij, dat wit ik, hwent
dat hast mij sa faek al forteld. Dronken haw \'k
nea west, wol ris in lyts snipke ophawn, mar dat
bart ek nea wer. En ik haw in pear hannen, dy
krekt nei \'t wirk steane en dy dij ek wol ris pakke
kinne en wolle. (Hij wol hjar beet krije.)
Maei:
Hou ! hou! Hwer komstou sa gau wei ? Harkjen
stiet net sa moai, der haw \'k dij neat ljeafer om.
En dat oare moat noch ütwizing dwaen.
-ocr page 63-
61
KI aes:
Ik hearde dij hjir praten; de boer wier foart, ik
tochte: dat treft, hjear! Hast\' mij hwet niis to tor-
tellen ? Ik haw dij sont snjeun net sjoen.
M ae i, (glimket:)
Dat is gansk in skof t, twa dagen !
K1 a e s , (earnstiger :)
Ik haw om it hüs sjoen fen Dinemoai, ik kin \'t
krije for 40 goune hier, en \'k haw 35 bean. Noch
in ryksdaelder, dan haw ik it, leau \'k. It bigjint
er dan dochs hwet nei to lykjen, datst myn aerig
wyfke wirde scilste. It wirdt ek al ris tiid. In pear
nije skoen haw \'k wol om dij forroun.
Maei:
Wij hawwe nou hwet sinten bijenoar gearre ; as
wij foar in jier of tri] e troud wiemen, dan hienen
wij ommers neat bigjinne kinnen. Nou hawwe wij
der in bytsje ta.
K1 a e s, (strykt hjar om H Mn:)
Dou scilst\' wol in aerich memke wêze; sa mütel,
leaf en kreas.
Maei:
De moaiste bollen lizze folie foar it finster , jonkje !
as \'t mij haste, wollicht wost mij dan wol graech
wer kwyt wêze.
KI aes:
Ik jjdn\' dan wer misse, der \'k sa lang for skrept
haw ? Der hoefst net bang for to wezen. Wij scille
togearre in oar libben hawwe as myn boer en de
frou. Nea scille we tsiere en altyd it goed meijenoar
miene en elkoar helpe.
Maei:
Ja, dyn toarnimmens binne best. en \'k fovtrou
datste it mienste, mar tinkste dut it mei üs altyd
de wyn efter de steven wêze scil 1 Stel dij er it
-ocr page 64-
62
allermoaiste nou mar net fen foar, it moat ris hwet
meifalle kinne.
K laes:
Mar hwet tinkste fen \'t hüs ? Scil \'k noch in ryks-
daelder er bij biede, of net? Er is net in bulte
romte bij. Op de lytse bürren kin \'k ek ien krije,
mar dat is sa stomme lyts.
Maei:
Der moastou for riede. It goekeapste, as it goed
biwenber is, past üs it best. Mar der kin ik mij
net mei bimoeie, dat is manljues wirk. A.s it fügeltje
koft is moat de man for it koaike soargje.
K1 a e s:
Mar as it koaike net nei \'t ftigeltsje hjar sin is,
dan sjongt it net blier, en fladdert er to faek wol
ris ut.
Maei:
It scoe dij ek net sinnigje, as ik alle dagen mei
de hannen oerenoar sitten gong en \'t roaske soargje
en dij mar wrotte en wrame liet. Né, sa scille wij
net, heite! Dou moast dyn eigen sin hjiryn dwaen.
Mar ik moat foart, hear! hwet mei de fiou oars
wol tinke. Hja kin wol tinke dat ik hjir om dij
komd bin en dij fen dyn wirk hald.
K laes:
De boer komt foarearst net thüs en dan strak
mar hwet hirder, dan komt it op \'t selde del. Mar
earst noch in hertforsterkinkje, Maei! (Hij slacht
hjar de hannen om de hals, jowt hjar in hltsje en
knypt hjar yn \'e hdn.)
Maei:
Lat mij los, jonge! ik moat foart. Dach Klaes!
K1 a e s:
Dach Maeike ! Gau ris wer komme, hear!
-ocr page 65-
63
M a e i, (i/n \'t foartgean:)
Dat soest\' wol wolle, hè ?
K 1 a e s, allinne.
Dat hie \'k net tocht; in butenkanske wrachtjg.
It stiet er mei üs al gansk better foar, as mei de
boer en boerinne. Dit hawwe wij feinten en fam-
men bij de rike ljue foar; wij trouwe dy wij lij e
meie en keapje elkoar net mei jild, lyk as dat soart
ljue faek docht. Krekt safolle om hüssittende to
wirden, mear kin min tsjinwirdig ek net fen boere-
feinten en fammen forwachtsje. Wij halde nou, om
dat wij sa lang wachte hawwe mei trouwen en tige
kloek wiernen, in sturke yn \'t kamrnenet, in
apeltje foar de toarst. Ik haw ek in ekstra sparpot
fen de hoer syn jeften, as ik him nachts help, as
hij dronken thüs komt. Dan rnoat ik him faek helpe
om him ut to klaeieu en op bêd to bringen, en dan
fortsjinje ik wol ris in pear kwaitsjes. Ho hij it al-
tyd sünder ungemakken redt, wit ik net. Dronken
ljue stean ündeL\' bisondere biskerming, seit min wol,
en min scoe \'t hast leauwe.
Lys, (opkommende.)
Soa, is do boer wer op \'e sjou 9 Dan kin \'t wol
in heal ure lije, dan sjocht hij er dochs neat fen,
hé? \'t Is wol is noflik as men bij sa\'n boer tsjinnet,
oars net 1 Min wol ek wol ris hwet tiid for jin sels
hawwe en oars wirdt jimme dat net gund. Is er
net folie to dvvaen, dan wirdt er hwet socht, en
hawwe jimme it drok, dan wirde jimme uitlokt en
raesd, dat it hwet docht. Né, as ik jongens hie,
der scoe gjin ien fen boerefeint wirde.
K 1 a e s :
De boer is wol foart, mar dat is mij itselde,
Lys! derom doch ik myn wirk like goed. Jou mjitte
alle herten bij jou sels öf, tink ik, mar dat haldt
gjin steek. As ien ondogens is, hoeve se\'it alle-
gearre net to wezen , wol ?
-ocr page 66-
64
Lys:
Scoe de boer syn boeltje hast opwêze ? Dat wirdt
er to minsten f en sein. Hij hat er al mear skuld
op as it wirdig is, en dan is \'t al fier hinne, tinkt
mij.
Klaes:
Mei de boer syn skulden, haw ik neat mei to
meitsen, en der praet ik ek net oer. \'k Scoe jou
ek moaier stean om jou er stil fen to haldan. As er \'t
hearde, scoest\' ek wol ris minder profyt fen him
krije kinne, as nou.
Lys, (lilk.)
Hwet tinkstou dan wol, dat ik sokke greate stik-
ken fen him krij ? Dat scil dij net folie meifalle ;
dou scilst\' wol mear fen him plökke hawwe as ik.
Klaes:
Né Lyske, der binn\' je mis mei, minske! \'t Gong
mei mij mei gjin ryksdaelders, \'t roun altyd mei in
pear kwartsjes óf. \'t Rammelle jou better yn de
busse ; jou moaije stimme hat jou gjin wynaeien lein.
Jou hawwe der wol slach fen en dat stipet jou aerich.
As er ien is dy it kwyt wêze wol, dan witte jou er
ried op om it to krij en, hear! De iene skarrelt er
al oars troch as de oare. Mar ik for mij fortsjinje
ljeafer dan dat ik stel.
Lys:
Dou hast ek altyd in finnige bek, krekt as dyn oan-
steande. As jimme noch hwet fen elkoar leare, dan
scil ik myn foetten wol bij jimme fen de drompel
halde, hwent dan fljucht mei gouens jimme it fjür
üt de eagen.
Klaes, (gikoanstekkend:)
Dat scoe spitich wêze, Lyske! Jou scoenen sa\'n
goede klant oan üs hawwe. Maeike hald sa\'n bulte
fen jou, hast like folie as ik, en dat scoe jou near-
ring goeddwaen.
-ocr page 67-
05
Lys:
As ik it f en jimme hawwe moast, scoe \'k mij wol
opdroechje litte moatte, mar ik bin er noch net sa
nedig oan ta, of \'k kin jimme hüs noch wol misse,
dan haw \'k ek gjin noed dat mij de gek oaristitsen
wirdt.
Klaes:
Wa stekt jou de gek oan ? Net ien, ik mien it
sikerwier. Foi! foi! jou binne altyd sa erch-
tinkend.
Lys:
As it jin mei roune wudden sein wirdt, dan hoeft
min net erchtinkend to wezen, dan wit men it. Ik
bin tominsten bliid datst Maeije troue scilste, en bij
de boer wei komstc. Dou dochst\' mij neat oan as
skea. Ik scoe mij hwet skamje as ik dij wier, sa\'n
earm minske as ik moast hwet yn \'e han wirkje,
der hiest sels ek foardiel fen. It goede, datste oan
in earm minske dochste, wirdt dij letter dübbeld
forgoede, seit de skrift, en dat is wier.
Klaes:
Hwet de skrift seit, der bin \'k sa goed net mei
oppe hichte as jou, mar der scil net yn stean, dat
ik it de boer üntstelle moat, om it jou, as earm
minske, to jaen. It komt moochlik wol yn jou kreamme
to pas, mar net yn mines.
Lys:
Ja, stellen en krijen is twa. Stelle mei min net,
mar mei in kleinigheid fen in oar syn oerfloed in
earm minske as ik to stypjen, der sjoch ik gjin
kwea yn.
Klaes:
Dan is jou gewisse net blank mear, hear ik wol,
dan sitte er al swarte stippen op. Ei ja, dat wist
ik oars ek wol, dat hat Maei al ris sein.
Lys:
Der hat Maei gjih ündeifining ten.
-ocr page 68-
06
K1 a e s:
Ei ja, Lyske. hawwe jou net ris in skjirre fen
har frou to brüken nomd*)
Lys, (fen siden:)
Divels, dat scil \'k hjar yndruie. (Tsjin Klaes:)
Fen in skjirre, dy ik to brüken hawn haw fen frou
Klaversma wit ik neat óf. Hwet ik fen hjarres hawn
haw, haw \'k werom brocht.
Klaes:
Soa!
Lys:
Myn hannen oan in oarmans goed to bisondigen,
scil ik net graech dwaen, hear! Der scoe \'k for
straft wirde, troch in bisiking fen heecher han. Dat
bringt myn geloove mei.
Klaes:
Dan scil dat binnen koart wol komme!
Lys, (skodholjende:)
Hwet is de wereld al sondig. In earme widdou
sa to bitiigjen. (Hja wol skrieme.) Hwet is de óffal
fen des Heeren geboden al great. Och! Och! hwer
scil \'t hinne ? As se der allegearre nei straft wirde,
dan scil de pineging wol freeslik wêze.
Klaes:
Dy \'t kwea dien hat, moat syn lean üntfange, dat
is net mear as billyk. (Hij sjocht ta it finster ut,
forheard:)
Mar dy deale, wa komt der oan rinnen ?
Hwet is er nou to dwaen ? Scoe de boer ongemak
hawn hawwe?
Lys, (ilntsteld, rint nei de doar:)
Hwet scoe dat wêze?
(Der wirdt bütendoar roppen: »To gau! To gau !
de boer hat in ungelok hawn, kom gau!")
(Klaes rint ta de doar ïit, wiles komt Dyntsje oan-
rinnen
, slacht de hannen gear en seit:)
Och, heden! hwet is er nou oan, wat skilt er
oan! In üngeluk?
-ocr page 69-
67
Lys, (yn \'t ofgean:)
Ik scil gau ris sjen.
D y n t s j e, (hja rint hinne en
wer:)
Ik wier der al bang foar. Och, as er noch mar
libbet. Hij moast net foart west hawwe, mar ik koe
him net thüs halde, \'t is myn skild net!
(Klaversma, Klaes en in pear oare mannen komme
mei Wobbe twisken hjarren yn op. Wobbe moat sa
hwet sleept wirde en is tige wiet om de holle.
Klaversma, (seit tsjin Dyntsje:)
Hij hat in traep fen it hynder op it boarst hawn,
helje in kessen, dan lizze we him der op. (Dyntsje
giet fluch of en komt dalik wer op mei in kessen
en leit it op de flier del, hwernei hja Wobbe mei
de holle derop lizze. Dyntsje fait op de knibbels bij
him del en seit
: \'t Is myn skild net, \'t is myn skild
net! Hij woe foart en ik koe him net tobek halde!)
(It kleed fait.)
FJIRDE BIDRJUW.
It toaniel is in keamer fen Klaversma.
(Klaversma en Grytsje sitte oan de thee-
tafel , Klaversma mei in lange piip oan;
Grytsje breidet.)
Grytsje:
Kom, ik scil jou mar ris in kopke ynskinke, jou
scille er wol sin oan hawwe. Dyntsje bljüwt ek sa
lang wei, \'t is al healwei trijen, hja hat fêst bilet
hawn. (Hja skinkt yn.)
Klaversma:
Ja, jit mar ris yn. Om it waer hoeft se ek net
-ocr page 70-
68
thüs to bljüwen. Ei nou, hja kin ek noch wol
komme, sa let is \'t noch net, en as se net koe, hie-
nen wij al boadskip hawn.
Grytsje:
Wij sitte nou rêstiger as for trije jier. \'t Is nou
trije jier mei Wobbe.
Klaversma:
Ja, wat bringt de tiid al in foroaringe mei. Wa
scoe tocht hawwe dat Dyntsje sa gau wer boerinne
óf wirde scoe. En alles wier hast op. \'t Is mar
sa: dy oan de drank forslave binne, reitsje meast
gou yn \'t underbaitsje, al ho \'n geweld as se ek
ütjowwe. As min se swetsen heart oer hjar greate
dingen, liket it wol dat se bergen forsette kinne, mar
it binne wyn en fearren.
Grytsje:
En doch slacht min wol ris gelove oan sokken,
min wol se eigenlyk sa min net hawwe as se binne.
Mei in dronken minske hat min de gek wol ris,
mar eigenlyk binne hja djip to bikleijen. Hwet bij
follen fen jongsoan üntbrekt, nammentlyk de mid-
dels om genot to hawwen en foarüt to kommen, hat
mannich süplap for \'t gripen hawn, en sokken for-
skoppe dan hjar fortün.
Klaversma:
Scoene in bulte alders der ek gjin skild oan hawwe ?
Ik leau it wol. As se noch bern binne, dy for in
diel op de skoallebanken thüs bjerre, bern fen in
t\'ier of 15, 16, wirdt it jeneferdrinken en ütgean
ïjarren al leard, en mannich pear alders is er great
op, dat hjar bern op dy jierren al tige meidwaen
kmne. Alles wirdt for hjarren oanskaft om mar net
ünder to dwaen for hjar gelikens, en it forstan is
noch net ryp genoch, om to bigripen hwet hja noch
binne. Alle setsjes en pretsjes binne hjarres; op jild
fordwaen binne se faek great en dy de mearste ro-
mers leechnimt, is de greate man. Thüs lukt heit
-ocr page 71-
69
for hjarren oan \'t baeitsje, hja hawwe natürlyk net folie
nocht oan \'t wirk; troch dat hja faek foart binne,
giet de aerigheit ten \'t arbeidsjen óf. En mei de
dochters fen sokke domme, idele alders is \'t al net
better steld, dy laborearje oan deselde kwael.
Grytsj e:
Dat scil wol wier wêze, mar dy \'t net meidwaen
kinne, tsjinje ek ta spot for in oar, en wirde jamk
potkikers neamd. Net allinne de alders, mar ek
mynhear Publyk hat skild.
Klaversma:
Alles of neat, dertwisken is in bulte ünderskied,
lyk as twisken gebrük en misbrük, mar dy bern
binne, moatte dat ek salang bljüwe, ont hja hielen-
dal op eigen foetten stean kinne. Folie weeldeberntsjes
spylje to gau for master op, en yn üs dagen sjocht
min tomear de gefolgen hjir fen, nou alles bij \'t
waltsje lans moat, en de fette kij de meagere bi-
plüsje. Min sjocht folie ungelokkige houweliken, net
allinne troch de maetskippelike omstandigheden,
mar ek omdat er tofollen trouwe, hwerfen de man
syn fak net leard had en de frou fen hushalden net
in byt ofwit.
G rytsj e :
Dit leau ik wol, dat. de manljue er mear skild oan
hawwe as de frouliue, hwent as de man net for it
fak birekkene is, kin it wiif it dochs net halde, it
mearste moat dochs troch de man komme, dy is
de haedbistjurder en it mearste de baes fen \'t spil.
Klaversma, (laitsjende:)
Der scille we nou mar net oer kreauwe, alde!
G r y t s j e:
Ei ja, hwer twa kibje hawwe gewoanlyk twa
skild. Der wirde lyk wol ek in bulte bijenoar foege
dy net bijenoar hearre. Ljeafde hjit de drjüwfear
to wezen, dy herten oan-en-oar bynt, hwer it jild
faek dy drjüwfear is en dat kin gjin lok meibringe.
-ocr page 72-
70
Sa skeakelt de iene ündeugd him faek oan de oare
en is de wrald yn \'t algemien de dupe erfen.
Klaversma:
En wij wirde meienoar üngelokkig, hvvent hwer
it jild faek it sounforstan, en elts kreftig foarnimmen
om for \'t algemien wolwêzen to wirkjen, sa ünder-
drukt, der giet üs maetskippij forlern. (Hij sjocht ta
it finster üt en giet der hinne.)
Hea! as wij yn Oast-
Inie wiemen, dan scoe \'k sizze der giet Sjouke hinne.
(Hij wiist ta it finster üt.) Sjoch! liket dy er net
sprekkend op 1 Dy stap, dat postuur ! Ik leau wrich-
tich dat hij it wêze kin.
G r y t s j e , [is ek nei \'t finster
gien:)
Hij hat hwet flinker halding, mar oars, ja, hij
hat er in bulte fen.
Klaversma:
Stil ris ! Hij teikene do for seis jier. dy binne nou
ek om, tink ik.
G r y t s j e :
Ja, Dyntsje hat great trije jier trouwd west en
nou is se trije jier widdou; dat komt sa üt.
Klaversma:
Dan kin \'t sa wol wêze. Wij scille er dan wol mear
praet ten hearre.
Gry tsj e:
Dan scil Dyntsje ek freamd opsjen. Komt se der
net oan ? Ja!
Klaversma:
Hja is noch goed soun, hwent se rint noch as inljip.
G r y t s j e :
Wij praten niis, dat de frouljue like folie skild
hienen as de manljue, as \'t forkeard gong mei de
saken, mar der hat Dyn hjar net oer to bikleijen.
-ocr page 73-
71
Klaversma:
Dat leau ik ek wol; mar hij wier al troch alles
hinne, doe hja mei him troude. Hienen wij forüt
ek witen, dat wij sa \'n erfskip fen üs omke krije
scoene, dan hienen wij it ek nea tastien, mar yn \'e
need docht men wol ris hwet, der men letter bi-
rou oer fielt. Ik hie gjin aching for him, mar dat
hij noch sa min wier, dat hie \'k eigentlyk net tocht.
G r y t s j e :
It kaem tominsten rare bikaeid yn alles mei him
ut; mei syn boerepleatsen, mei syn rykdom en alle
moaiigheden, it wier allegearre fen oarmans jild.
Klaversma:
Hja hat it sünder him non gans better, al is ek
alles net rom en breed. Hja kin dochs fesoenlyk
hjar eigen brea ite, en hat nou mei nimmen lést.
It is Jochem Pak ek al nei syn wirken gongen, hij
rint nou to biddeljen, sa min seit. Kom, der is
Dyntsje al!
D y n t s j e, (opkommende:)
Dach ! Is \'t yet goed mei jimme ?
Klaversma en Grytsje:
Best Dyn, mei dij ek ?
Dyntsje:
\'k Kom al hwet let, ik krige thüs forlet. Fetsje
Ales kaem om in boadskip bij mij en dy bleau noch
al hwet sitten. Binne de bern allegearre soun ?
Grytsje:
Ja, best op stap.
Dyntsje:
Ik haw Jochem Pak jister bij mij hawn. Och!
Och ! hwet is dy al foroare! Hij woe graech hwet
iten fen mij hawwe, hwent hij hie honger. Mei in
-ocr page 74-
72
lyts koerke yn de earm, der in pear doaskes luusje-
fers yn leinen , rint er de streek óf. En ald en stik-
ken ! Hè! it griisde mij dochs oan, ho swart syn
gewisse ek wêze mei.
Klaversma:
Ja, boantje komt nou om \'t loantje.
Gr y tsj e :
Hwet wille hawwe sokke minsken er dochs oan,
om hjar sounens, lok en hjar sinten, alles op te
offerjen oan dy drank, hoe is \'t moochlyk 1
Dy nts j e:
Syn wiif wier stoarn, sei er, oan in hertkwael,
mar ik koe wol bigripe, dat dy hertkwael hertsear
west hat, hwent ho oppassend en flink hja ek wier,
tsjin sa\'n kearel wier gjin bolwirkjen en sa\'n lijen
en earmoed for hjar sels en hjar ljeafe berntjes alle
daegen foar eagen, dat hat hja net ütstean kinnen.
De bern binne nou yn \'t earmhüs en hij moast de
kost sjen op te schoaien.
Klaversma:
En hwet hie hij it skoan oan \'e gong; hja hienen
flinke ljue yn hjar gea west, as hij oppast hie.
D y n t s j e :
Hij fortelde mij ek noch wat nijs.
Gry tsj e:
En dat is ?
D y n t s j e:
Ried ris?
Klaversma:
Dat kin ik wol. Sjouke is wer thüs, ut de Oast.
Wij mienden niis dat we him seagen.
D y ntsj e :
Ik hie \'t al ris neirekkene, dat it net lang mear
-ocr page 75-
73
oanhalde koe. Hij moat er goed fen üntkaem wêze,
folgens Jochem; it hie him net sa min foldien. mar
hij gong er dochs net wer hinne.
Klaver sma:
Dat wol \'k wol leauwe; it wier syn holle net; hij
wier er ek fiersen te goed for. Scoe er hjirek noch
ris komme scille ? Of scoe er üs forachtsje, sa dat
wij him to min binne, om nei üs om to sjen ?
G r y ts j e :
Hij scil hjir wol ris komme, der haw \'k net folie
noed mei. (Hja drinke nou en dan ris op.) Dyn,
to! dou moast dij ek in klüntsje krije.
D y n t s j e, (docht dat.)
Ik scoe him noch wol graech ris sjen en sprekke
wolle. Hwet hawwe wij him do al min bihandele.
Mar need brekt wetten. Hienen wij tocht dat it sa
rinne scoe, dan hie it oars komd.
Klaver sma:
Ja, dan hie \'t wol oars komd, en wij hienen for
folie onk biwarre bljeaun.
D y n t s j e :
Dat er syn alders yn dy tiid forliese moast, is wol
tige hird for him, en scil hij nea forjittekinne. Hij
moat oars tige oppast hawwe; sa \'t Jochem sei, hie
er twa medaljes fortsjinne, der hij hwet greater
pinsjoen troch hat. Mar ho koe dat ek oars, deop-
rjuchtens en bidaerdheid seach him altyd de eagen
ut. Mar hearink, der komt fine Lys ek oan; ik
miende dat dy hjir net mear kaem.
G r y t s j e:
It hüs forbean haw \'k hjar net, it is in earme
widdou en dan moat min wizer wêze, mar oars!...
It is net ien fen de besten. Mar hja wirdt alder,
en dan kinne de ündogenske streken er wol ris hwet
ütgean.
-ocr page 76-
74
Klaversma:
Ik wit net, in foks forliest syn hjirren wol, mar
net syn streken. Langlèsten havvwe se hjar noch op
gnobberije bitrape.
Dy n t s j e:
Ik haw in boadskip oan hjar, dat hjar net noaskje
scil, dat treft krekt. (Hja keart hjar kopke om.)
G r y t s j e :
Ik scil ris efter bij de fammen sjen. (Of.)
Klaversma:
En ik bij de manljue, it wirdt hast melkerstiid. (Of.)
D y n t s j e , (allinne :)
Myn aldershüs! Hwet is er al hwet foarfallen,
sont ik hjir as bern boartte, en it libben mij as in
bliere maeitiid oer it fjild talake. Gjin onk kin jin
birikke, mient min dan; as it frije fügeltsje sjongt
en djoeit min bij jins alders om. Mar och! ho koart
dürret dy wille; de kearside fen it libben lit gau
syn grimmitige tosken sjen en knabbelt jins freuchde
en lok gau oan de woartel. Lokkich dat de blêdden
fen üs libbensboek tichtslein binne en wij eltse dei
ien iepen dochge mei üs eagopslach, krekt as mei
in skoerkalinder, der min eltse dei in blèdsje óflükt.
Mannich bUMsje fen myn libbensboek is sünder in
inkel blomke bjeaun en scoe \'k net ljeafst wer troch-
blêdsje wolle. En min mei jin wys meitsje litte dat,
as de mjitte fen heger han fol achte wirdt, de red-
ding, de ütkomst neibij is, dat ek it lijen tsjinje
moat ta iwig lok, — ik kin mij net begripe, dat
lijen for in minske weilein wirde kin, om dermei
lok te fortsjinjen. Dan moatte follen dat djiïr keapje,
hwcnt de swakke kin \'t net ütstean, en biswykt
yn syn striid op \'e wrald, en syn lean wirdt dan
in greate wiksel op in unbikind kantoar. Né, de
domenijs meije it preekje, mar leauwe doch ik it
net mear.
-ocr page 77-
75
L y s , (opkammende:)
Dach frou ! Ho is \'t mei jou? Goed, hoopje\'k. Jou
hawwe oars al frijhwet underfoun, hè? Fij minske !
Mar hwet des Heeren wegen binne, kinne wij net
ynsjen, en hwet wij mear lottere wirde op dizz\'
ierde, en mear tsjinrampen hawwe, des to greater
scil tis foi\'lsjinne lean ek ienkear wêze.
D y n t s j e :
In minske, dy safolle op hjar konsjinsje hat as
jou, hoeft in oar net nei in iwigheit to wizen. Dy
wudden passé net yn jou müle; jou handelingen
binne der net mei yn oerienstimming. Jou hawwe
de skrift net bigripen, minske ! Mar it treft moai,
dat jou hjir komme, ik haw in apeltsje for jou to
skilen, der je net hird yn bite scille.
L y s , (forheard :)
Hwet je sizze, frou! Ik haw neat dien, hwerom
ik foar jou myn eagen hoef del to slaen. Hawwe
jou hwet op mij to sizzen, sprek op dan mar! It
folk des Heeren moat dochs smaed fordürje.
D y n tsj e:
Dat je troch alles hinne wiemen en it minskelike —
dat is to sizzen it goede, jou trochroun is as in
gatsje-panne, en it forkearde foar de gatsjes opstrüpt
is, dat wit ik al lang. Mar is jou geheugen net sa
sterk, dan scil ik dit tomjitte komme.
L y s , (luk :)
Né, ik kin tige best ünthalde, der kin \'k je wol
bliken f en jaen.
D y n ts j e :
Dan komt dat goed üt. For trije jier, do Wobbe
dat üngelok hawn hat, dat syn dea dien hat, do
hawwe jou in skoftsje mei Jochem yn de keamer
bij him west, do hij mei de klean oan, buten kin-
nis , op it kessen lei, wyls wij it foarenoar brochten,
om him op bêd to bringen. (Lys sjocht foiheard.)
-ocr page 78-
76
Hij hie de moarns goed trije hounderd goune bard,
dat wist Jochem, en do ik syn boekje en beurs ut
de büsse krige en de oare moarns neiseach, do wier
yn it boekje neat, en yn de beurs in pear ryks-
daelders. Ik wist net hwer dat jild bljeaun wier,
bij koe \'t de deis wei brocht hawwe, of se koenen
\'t him üntkrigen hawwe; dat koe \'k net witte en ek
net best ündersiikje. \'k Haw lykwol dizze wike in
man bij mij hawn, dy sei dat it Wobbe bij syn
thüskommen üntstellen wier en dat fine Lys dat
dien hie.
Lys, (fljucht mei de fusten
oprolle op Dyntsje ta en seit
:)
Dat lychstou ! Hwet smeaunt kin dat sizze? Ik haw
er myn hiïnnen net oan bisondige; dat jild scil er
wol forsopen hawwe of forhoerke, of weismiten,
wit ik it? Mar ik haw \'t net hawn. Wn dat sizze
doart, dy scil \'k efter de traljes sette. (Hja skriemt.)
In earmè widdou sa to bilasterjen! O, hwet moat
it ütforkoaren folts dochs in smaed ündergean om
\'s Hearen namme.
Dyntsje:
Der hat des Hearen folk likemin lest fen as in
oar, as se it sels er mar net nei meitsje. Mar
om bij de saek to blüwen. Dat jild, dat jou Wobbe
ut de büsse krige hawwe, der woenen jou dy man
in tredde part fen jaen en sels it oare halde. Jou
tochten dat scoe him wol goed woze, omdat hij ek
tofolle drank hie. Hij woe \'t net hawwe, mar dochs
naem hij er hwet fen en hij scoe it stil halde. Lyk-
wol skynt dy man syn konsjinsje safolle ünreinheid
net bifetsje te kinnen as jouwes, hwent hij hat him
sels en jou forklappe. Hij rint as skoaier om en
swabbet it libben lans, mar dochs is er noch ealer
as jou, hwent it skynt him op syn gewisse to bar-
nen, en jouwes is for gjin fjur mear fetber, it is al
forhirde.
-ocr page 79-
77
L y s, sjocht foar hjar del, mar
seit dochs daedlyk wer
brimstig :
Dat lycht dy suplap, dy smearlap, ik scil it him
ynpiperje.
D y n t s j e :
Jou witte dos wol hwet man as it wier, dy it
mei dien haf?
Lys:
Né! ik wit fen alles neat öf, mar dy neakene
sweal, dy skobbert, dy er alles trochjage en forso-
pen hat..... O Jochem! as ik dy yn de fingers
krij ! (Hja stekt de fust wer op:)
D y n t s j e :
Skellen en razen jowt jou neat, en ik hie mear
leafde bij jou forwachte. Mar as je Jochem noch
to pakken hawwe wolle, dan scoe \'k er mar mei
foartmeitsje, hwent ik jow it nou oan bij itgerjucht,
en as jimme beide yn de doaze sitte, dan kinne je
net bij him komme. Joun noch gean ik bij de fjild-
wachter oan, hwent tsjügen om de saek noch mear
ta klearigheid to krij en, haw ik wol.
Lys, (bigjint skriemerich to
praten
:)
Ik scoe jou riede en doch it net, jou sette er mij
in kroane mei op \'e holle. In earme widdou, lyk
as ik, rekkct hjar nearring kwyt, mar it koe jou ek
noch wol ris spite, hwent ik haw \'t net dien.
D y n t s j e :
En dat is it just dat ik witte wol. Hawwe jou it
net dien, dan krij je ek gjin skild, en nimmer sjocht
jou er for op de rög oan, en jou hawwe er ek gjin
skea fen. \'t Is jou siker ek net forgetten, hwet ik,
do Wobbe yette libbe, faek mei jou to stellen hawn
haw, hwet lijen ik mei troch jou ütstien haw. Min
moat ek net al to goed wêze, en it kwea allegearre
-ocr page 80-
78
mar oer de holle sjen. Ik wol er net mear oer
Erate. De rjuchter moat it mar ütwize, en scil dat
innen koart ek wol dwaen.
Lys:
Mar as je it mij net biwize kinne, en dat kin je
net, omdat ik er ünskuldig oan bin, dan klei ik jou
oan for laster, en dat kin je ek wol ris sur opbrekke.
D y n t s j e :
Der haw \'k neat gjin noed mei, myn tsjügen binne
sa goed wol, der skoerre jou net for wei. En dan
kinn\' je efter de blauwe laeien mar bidde en oer-
tinke, hwet je al misdien hawwe. As ik it dwaen
kin, dan scil jou straffe wol lyk oan jou misdied
wirde, der kinn\' je op rekkenje.
Lys, (skriemerich.)
Der is gjin ien bij, nou skamje jou je neat hwet
je sizze. ït minskdom is al forbastere, it Godsfolk
moat forstjitten wirde; \'t is wol slim, dat se jin bi-
tiigje doare fen stellen. In earme widdou , dy mei
skreppen en klauwen hjar stikje brea mei earmoed
ite moat.
D y ntsj e :
Dat binne mar praetsjes, dy jimm\' altyd utkreamje,
mar dy gjin hout snije, dy neat tobitsjutten hawwe.
Ik scoe mij skamje, dat myn dwaen der sa mei yn
striid wier, dat ik elk sines net halde litte koe.
Lys, (kritend:)
Wij kinne elkoar it bloed wol waerm meitsje,
mar dat jowt neat. Ik siz jou noch ris; ik haw je
neat üntnommen, sa wier as.....
D y n t s j e , (fait hjar yn \'e reden:)
Swar net! Lit de rjuchters it ütmeitsje. Hawwe
jou it net dien, klei mij dan oan. Binn\' je skildig,
hwer ik net oan twifelje, dan gean jou nei it greate
pakhüs en der mei ut.
-ocr page 81-
79
L y s, (binaud:)
Och frou, klei mij net oan! Ik wol foar jou op
\'e knibbels falie en forjeffenisse freechje; \'k wol
alles for jou dwaen; och frou! (Hja fait op de knib-
bels en strekt de hénnen nei Dyntsje lit
:) doch it
net! düch.....
(Maei komt krekt yn, Lys springt oerein.)
M a e i: (slacht de hénnen gear
en seit
:)
Ho hawwe wij it nou, frou? de earme widdou of
ljeafer: de skynheilige, knibbelt foar de earme sün-
daresse? Ho is \'t, Lyske, hawwe jou de knibbel-
siekte krigen ? Jou dije oars goed, jou hawwe in
skouwing, it is in lust! Mar hwet nou? ofsmeekje
jou de frou om genade, for it ien of oare misgreepke ?
Lys, (lilk:)
Forhip dou ! hwet hast\' mei mij to meitsjen ? Hast
wer op de hark stien, lyk as t\' altyd dochste ?
(Skamper.) Ne, Lyske hat de frou neat to bidden,
der hoeft Maeike gjin soarg mei to hawwen.
Maei: (hiinjend en gnyskjende:)
Ei né, dat koe Maeike ek neat skille. As er hwet
nijs op til is, lüsterje ik graech ris en \'k leau, er
is nijs op til. Ik haw er in bytsje fen Jochem fen
fornomd, dy man wier alhiel fen de wize. De Heare
hie him ienkear loslitten hawn, mar nou hie er
de wirkelike bikearing krige, en hij sündige
foartoan net mèar. Nou, ik hald it er foar, dat syn
konsjinsje ek oerrint, syn skande-boekje is fol. Binn\'
er yn jouwes ek noch wite blêdsjes, Lyske ?
Lys:
\'k Woe net leafst, dat ik yn dyn steed stean moast.
Dou kinst net ien üngeskonden rinne litte, en hast
op elts hwet to sizzen.
ü yntsj e:
Jimme passé elkoar net, jimme tsiere altyd as
jimm\' elkoar sjochge.
-ocr page 82-
80
Maei, (glimket:)
Né frou, sa slim is \'t net, ik haw al tocht om bij
hjar op it fraechlearen to gean, om hwet fen hjar
streken to learen. Moochlyk rollet mij dan ek noch
ris trije hünderd goune yn \'e büsse.
L y s , (sjocht forheard:)
Dat scoe dij ek wol passé, wa wit hwet stou noch
ris ienkear dochste, as de kweade dij yn de macht
kriget.
Maei:
Nou, as ik it earlyk krije koe, dan naem ik it.
Stelle woe \'k net. Dat scoene jou mij ek net leare,
wol?
Lys:
Ik wol gjin praetsjes fen dat smoarge wiif mear
hearre, it kin hjar neat skille hwet se seit, hja kin
jin op \'t lést alles wol forwite. (Hja wol foartgean.)
Maei:
Dy skurf is freest de roskaem en naeit er ut.
D y ntsj e :
Foi Maei, jou moatte dat minske sa net pleachje.
Lys: (yn \'t ófgean:)
Dat bin \'k wol fen hjar wend. (Hja giet bij Dynt-
sje Idns, dy hwet efterlyk stiet en seit sénich:)
Och
frou, doch it net! ik scil wol bij jou oan hüs komme.
D y n t s j e , (tsjin har:)
Doch dat mar net, it helpt je neat, ik bin bi-
slüten. (Lys óf.)
Maei:
Dy is net sa noilyk ünder \'t fesje, wol \'k leauwe.
Hja miende dat ik de stoarje noch net wist, mar
dat foei hjar óf. Jochem is mei him sels oan, en wol
wol graech oppakt wirde, sei er tsjin Klaes. Nou,
dan kin dat akelige wiif hjar fortsjihne lean ek krije.
-ocr page 83-
81
Ho folie as se jimme net ontstellen hat, as Wobbe
tofolle drank hie, der is de ein fen wei. Mar it scil
hjar forkeard öfgean. Ik haw er lominsten skik yn,
dat dat fel efter de traljes komt.
D y n t s j e :
Hja hat it wol oan mij fortsjinne, en \'k leau ek
dat ik it oanjow.
M a e i:
As jou it net dochge, dan doch ik it tominsten,.
min mei it net oergean litte. De ündogensheit wirdt
er troch stipe en dy hat gjin foargongers brek.
D yntsj e:
It is al gemien, Wobbe laei for dea der hinne,
ik wier er mar eflentjes bij wei en dan foart mar
to stellen!
Maei:
Hjar hannen stean er krekt nei. Hja hat it Sa
faek al dien en dan leart it op \'t lést, krekt as
bargeslachtsjen.
Dynts j e:
Wij moasten Jochem hjir hawwe, dan koenen
we him ütfreechje ho de saek him krekt tadrageri hat.
Maei:
Niis ston er bij Klaes, wol \'k hj arren roppe?
D y n t s j e :
Dat koe wol, dan heart dy it yn\'t bij wezen fen üs.
(Maei óf.)
Dy n t s j e , (allinne:)
Heit en mem hawwe in bulte steun oan Klaes en
Maei; sa \'n pear earlike, warbere, oppassende ljue
fynt min net folie mear.
           ...                  ,.,.<;
-ocr page 84-
82
Dyntsje, Maei, Klaes en J o c h e m, (cfe
leste dld yn \'e klean en smoarg, mei in koerke oan
\'e earm^ Klaes yn in wirkkyle.)
Klaes:
Woen\' je üs foar it forhoar nimme, irou ?
Dyntsje:
Ja, mei Jochem woe \'k wol ris prate, en sa koe-
nen jimm\' it ek oanheare. Mar lit üs nei de poes-
koken gean, mem en heit scille wol net witte hwet
er oan is. (Allegjerre óf.)
S j o u k e , (komt op yn gewone
klean, mei in snorke iinder de noas. Hij
sjocht tig e om him hinne. De musyk spilet
sunig it deuntsje ut it twadde bidrjuw.)
Hja is er net, oer seis jier haw \'k yn dizze selde
keamer hjar for it lést sjoen. Ik tocht do nea hjir
wer to kommen. As de waerme sinnestrielen jin
der hast forskroeiden, of as üs hoofden mei üs om-
sprongen, as wiernen wij marionetten yn in poppe-
kast, altyd wieren myn hert en tinsen op dit selde
steed. Seis jier! Hwet is er al loarfallen for mij yn
dy tiid. Hwet al tinsen, hwet al winskjen, hwet al
hoopjen. Hwet in mimerjen oer hjar, om wa ik
foartgong. Ho scil hja er nou ütsjen ? Scoenen \'t dy
selde eagen yet wêze fen do 1 dyselde fleurige blik
op \'t antlit? Of scil hja troch it lij en sa foroare
wêze, dat \'k hjar hast net mear kin 1 Hark der giet
in doar, wa komt der ut? O, dat is Jochem Pak.
Ja man, dou hast ek seis jier yn in skipkesylt, dat
net altyd de wyn fen efteren hie, it wetter nat net
altyd effen en ilak west en de wyn dij net altyd
like frisch om \'e holle waeit. Dyn plunje is yn seis
{\'ier frijhwet minder wirden en \'t liket wol, dat hij
ïim yn al dy tiid net wosken hjat.
Jochem, (mei it koerke:)
Sj ouke:
Dach Jochem! hwet dochstou hjir sa yn hüs\'? Ik
-ocr page 85-
83
miende net, nei \'t jinge hja mij skreauwen, datstou
hjir sa \'n goede kameraed wierste.
J och em:
Né, dat wier \'k oars ek net, en dy haw \'k ek net
mear, ik haw myn libben foar de wrald fornietige
en moat omswabberje, allinne, sünder myn bern,
dy yn \'t earmhtis binne. Hwet mij hjir bringt, is in
bisonder gefal, hwermei ik Dyntsje fen tsjinst
wêze koe.
Sj o u ke:
Is jou wiif dea, Jochem ? en ho komt it dat je
sa omswalkje ?
Jochem:
Ja, hwet scil \'k sizze. Ik hie sa \'n best, kloek,
oppassend wiif, en sokke ljeafe berntsjes, en myn
saken gongen ridlik goed. Mar de sterke drank krige
mij yn \'e macht, hwertroch wij ta earmoed forfoe-
len, en myn wiif fen hartseer stoarn is. (Hij skriemt.)
S j o u k e :
Hwet is \'t dochs aklyk, dat tinne focht, sa
mannichien üngelokkig makket. It griist mij oan om
jou. Hjir hawwe je hwet fen mij. (Hy jowt.hitn
hwet. As for him sels
:) Hwerom slïit de regearing
Skiedam ek net?
Jochem, (stekt it jildstik yn
\'e biisse:)
Tankje wol! Ik scil mei gauwens net mear nedig
wêze, ik haw myn hannen bisondige oan in oarmans
goed, en scil wol yn \'t tichthüs reitsje. Ik koe \'t
wol stil halden hawwe, mar ik hie rest noch dür,
it moast er ïit. Ik haw Wobbe jild mei üntstellen.
Dat is dan eindlik de wrange frucht fen \'t kwea-
dwaen.
S j ouke:
Eigen skild pleaget it meast. Jou wiemen folie mei
Wobbe op en ut, net? Dy is nuver oan syn ein
rekke, hearde ik,
-ocr page 86-
84
J ochem:
Ja, wij rieden togearre mei de sjeas fen hus, hij
dronken en ik ek lang net nochteren, en in eintsje
fen hüs jage er tsjin in beam oan. Wij foelen om,
hwertroch hij him ynwendig bisearde; dat de oare
deis wier er al in lyk.
S j o u k e :
Och, och! hwet hat Dyntje hwet mei him ütstien,
hear ik. Is hia ek yn \'e hfts? Ik miende dat se
hjir neimiddei hinne gongen is.
J oc h e m :
Ja, hja is hjir hjoed to thédrinken. Der komt
Klaes oan, nou gean ik mar foart. Dach Sjouke!
Tankje yetteris. (Of.)
Klaes, (forheard:)
Sjouke! Dou hjir? (Hij jowt him de hdn.) Kom ,
soun en wol yn \'t faderlan torêg.
Sjouke:
Ja man, sa je sjochge. Kom, jou sjochge \'r ek
noch goed ut. Jou binne nou trouwd, is \'t net ?
mei Maeike, der jo do al om frijden.
Klaes:
Ja, wij hawwe sahwet trije jier troud west, en ït
hat ns noch gjin üre roud.
Sjouke:
Dat wol \'k wol leauwe, jimm\' hienen elkoar sa
goed kinnen leard, dat it moast wol goed ütfalle.
Klaes:
Mar derom pakt it altyd noch net like goed ut!
Sjouke:
Dat is wier, dy gefallen binne der. \'t Giet mei
jimm\' dan better as mei J ochem.
-ocr page 87-
85
Klaes:
Ja, dat skilt hwet, mar it is syn eigen skild en
dat pleaget de minsken it mearst.......Jou geane
fêst net wer nei de Oast, wol?
S j o u k e :
Dat is myn plan net. Mar ik moat wer hwet to
dwaen siikje. Ik forfeel mij. Ik bin bjir nou mar
ris hinne dwaeld, ik woe de alde ljue wol ris sprekke.
\'k Haw altyd in bulte fen bjarren halden, en der
jinsen noch faek om hjarren tocht.
Klaes:
Dat wol \'k woMeauwe, mar ek noch wol ris om
Dyntsje, tink ik?"
S j ouk e:
Dat kin je bigripe. Gjin dei dat ik net oan hjar
tocht, en it bigreatte mij tige, dat se sa\'n lijen hie.
Myn alden skreauwen mij er folie oer, omdat ik er
bilang yn stelde. Min scoe sizze hja krige fortsjinne
lean, mar hja wier er dochs to goed for. Dat hie
se net fortsjinne; hwent it wier hjar skild net.
Klaes:
Wobbe is mei syn süpen en greatsprekken net fier
yn \'e wrald komd. Do er stoar wier \'t allegearre
skild ; hja hat de beide pleatsen forkoft en is alles
lyk makke en halde Dyntsje noch in lyts bytsje oer.
S j ou k e:
Kin Dyntsje nou sa hwet fen hjar eigen libje?
Klaes:
Bij \'t jinge dat se hat, fortsjinnet se hwet, mei
naeien en breidsjen. Hja is tige fleurich en de alde
ljue kinne hjar ek wol hwet stypje. Dat stiet er
netter foar, as foar seis jier.
S j ou k e:
Jimme binne altyd bij de alde ljue yn \'t wirk?
-ocr page 88-
86
K 1 a e s :
Maei en ik binne er beide mearstentiids, ik altyd
en fierder redde hja \'t mei eigen folk.
S j o u k e :
As ik goed sjoch komt Maei dêr krekt oan.
K 1 ae s:
Ja, dat is se ! (Maeike komt op:)
S j o uk e:
Dag Maeike, ho giet it mei jou. (Hja füskje:)
Maei, (foi heard:)
Best, Sjouke! ho is \'t mei dij J min scoe dij hast
net mear kinne, mei dyn hirdfeger ünder de noas.
Hast in prük opiten ?
Sjouke:
Dou bist de selde Maei noch al. \'k Haw mei dyn
man praet, en dy hat mij sahwet op \'e hichte fèn
de tiid holpen.
Maei:
Hast al bij Dyntsje west? Ik wol leauwe, dat se
langst nei dij haw we scil. Yn sa\'n tiid elkoar net
sjoen to hawwen! dan scoe men langst krije, net ?
Sjouke:
Ik koe hjar ek wol ris forgetten wêze.
Maei:
Forgetten wêze? dat liket neat en hja is er ek
niks minder om, dat se troud west hat. As ik to-
minsten feint wier, ik scoe se noch wol hawwe wolle!
KI aes:
Nou, as \'t mei mij sa \'n skoft dürre hie, dan
wier myn ljeafde leau \'k al fordroege. It skoft wier
mij to lang, ik krige to gau sin oan in oaren.
Maei:
Dou hast nou ien, en der moast it mar mei halde.
Licht siket Sjouke nou ek wol ien.
-ocr page 89-
87
S j o u k e :
Min kin se sa mar net fen de dyk rapé, it mocht
hwet! En min moat se de kost ek mar jaen kinne.
It is mei nimmen allinne net goed.
M aei:
Mei in goed sin en in pear goede hannen oan \'t
liif, fait it noch net óf. It behoeft for jonge ljue ek
gjin «snij yn en yt op mar" to wezen.
KI aes:
Der komme de boer en frou en Dyntsje troch de
efterdoar yn, ik tink dat se oan \'t kmerjen west
hawwe.
M a e i, (gnysket:)
Kom Klaes! dan geane wij mar foart; ik wol dy
ontmoeting net oansjen. Jimm\' binne dan hwet frijer
mei elkoar, sa wost ek ljeafst, net ?
S j o u k e :
Bljüw mar, dou bist ommers trouwd; ho kinsf
der niget oan sjen? En Dyntsje is gjin faem rnear,
Maei, hja is widdou.
M aei:
Ja, mar der hastou hjar noch like ljeaf om,
heite ! (Klaes en Maei bljïiwe op \'e eftergroun stean.)
(Klaversma en Grytsje komme op, efkes letter
Dyntsje. De beide earsten geane op Sjouke ta en sizze :)
Sjouke! ho is \'t mei jou 1 (Hja stekke him de
hdn ta.)
Sjouke:
Tige best! ho is \'t mei jimme ?
Klaversma:
Bliid jonge, dat je wer thüs binne, soun en wol.
Sjouke:
Ja, dat bin \'k ek. (Tsjin Dyntsje:) Mar ho is \'t
mei jou Dyntsje, jou stekke mij de han net ta, bin
\'k je alhiel forgetten ?
-ocr page 90-
88
D y n t s j e, (giet nei him ta en
seit:)
Né, Sjouke, net forgetten! mar ik doarst de han
net ütstekke. Mar nou ik sjoch, dat er gjin haet bij
jou is, nou doar ik hoapje op forjeffenisse. Der is
myn han, ho giet it mei jou?
Sjouke, (nimt hjar beide hdnnen beet:)
Seis jier lang, hawwe wij elkoar net sjoen, mar
net ien dei, dat swar ik dy, — sa mei \'k dy noch
wol neame, net? — is er fórbij gien, dat ik dy net
for eagen hie.
D y ntsj e:
Dy tiid forjit nea. Ik hie sa\'n soarg, nou ik wist
dat je thüs wiemen, dat je mij forachtsje scoenen,
en dat scoe sa hird wêze, ik bin al sa straft for
myn skandlyk dwaen.
Sjouke:
Der prate wij net mear oer, dat is al lang for-
getten en forjoun, dat hoeft net mear, hwent ik hie
gjin kwea hert meidroegen nei de Oast, tsjinoer dij.
Hwet in lok dat wij nou frij fen alle bannen, elkoar
yn de eagen sjen meije.
D y nt sj e:
O, tank Sjouke, dat ik dy wudden üt jou müle
hearre mei. Forjoun en forgetten, dat is mear dan
ik forwachtsje koe.
Sjouke:
Mar mei ik dan nou ek hoapje op dat, hwet ik
do fen dij forwachte hie\'? Neat stiet üs nou mear
yn \'e wei!
D y n t s j e:
■ Dat giet sa hird, der kinne wij letter noch wol
ris oer prate, net?
Klaversma, (gnysket:) ,
Sjouke giet net wer nei de Oast, scoe min hoapje ?
-ocr page 91-
89
S j ouk e:
Né, dat net, mar der it hert fol ien is, der rint
de müle fen oer.
Gr y tsj e :
Hwet in lok, dat jou sa soun en wol wer thüs
komd binne.
S j o u k e :
Dat mei jou wol sizze. En hat Dyn yn dizze seis
jier op de learskoalle yn \'t libben gongen, ik haw
ek leard, dat yn dy fiere lannen de maetskappij ek
oan deselde kwael, ja, yette erger as hjir, mank
giet de jildgod swaeit oeral syn scepter, en for-
moardet en fortrapet hwet\' op lief t en ealer
makke wirde moast. Och! dat elts meiwirkje woe,
om in stientsje oan to bringen, ta it stichtsjen fen
in better gebouw for de minskheid, — om de mins-
ken ünder en meienoar ta hjar waerde to bringen en
to halden, dy hja nei hjar natür hawwe kinne.
Dan koe bjir elts syn himel meitsje en lokkig libje.
Dan hoefden de houliksbannen net slüten te wirden
mei pongfollen ryksdaelders, mar seoe de ljeafde it
segel wêze kinne fen eltse forbyntenisse. Hwet lok
en sein dit oan de wrald bringe koe, scil ienkear
üs neiteam, as de jildgod ienkear ten syn tioan
helle is, bigripe ! Mar Dyn, scoe süvere ljeafde nou
ek al net foldwaende wêze, om üs to forienigjen yn
ljeaf en leed ?
D y n t s j e , (fait him yn de earmen.)
Ja, Sjouke!
(De musyk spilet it deuntsje tit it twadde bidrjüw.
Lokwinsken fen de dlde Ijue en fen Klaes en Maeike.)
IT GORDYN FALT.