-ocr page 1-
-ocr page 2-
yvm\\ jot/(M
Oanbean fan de
Krite „Frysk en Frij"
to Hilversum
-ocr page 3-
••
InsWuut voor
Oudgermaanse Taal- en ! \\
aan de RijksutïiversUeit
te Utrecht
-ocr page 4-
BIBLIOTHEEK UNIVERSITEIT UTRECHT
A06000028706244B
2870 624 4
-ocr page 5-
Smiós cfeiiïjs
KV
RJUERDOM\'S TESTEMINT.
Oarspronkelik Toanielsiik yn fjouwer Bidriuwen,
mei in Foarsfik.
Ien fen de fjouwer best karde, bikinde antwirden op de Priisfrage
nei it beste Toanielstik yn de Fryske tael, yn 1883
ütskreaun, troeh it Ljouwter Toanielselskip.
TKOCII
O 1>. v. d. WEG.
Oarde printinge.
mUOTHBEK
OER
. JWSUWVERSITBT
f *ÖTfcECHT
aan ai
<e Utrecht
To Frjentsjer by
T. TELENGA.
-ocr page 6-
-ocr page 7-
FOA-RWIRO.
It Toanielstik, dat ik hjirmei oan dé Ijeafhabbers fen de
Fryske tael oanbied, het meitinge nei de earepriis fen
hündert goune, dy it Ljouwter Toanielselskip yn 1883
oanbea foar it beste Toanielstik, kokker priis noch net
ütbitelle is,
Sa het it fen it jild neat krige, mar fen de eare al hwet.
Waerd it troch de karmasters biskouice as ten fen de
fjouwer beste stikken, dy \'t allegearre wol in bikroning
wirdich wieren, . . . al dalik nei dat ik it stik om bikinde
reden torêch nomd ha, kriich ik fen iinderskicdene ütjouwers
oansiik om it printsje to liften en fen Toanielselskippen om
it op \'e planken to bringen.
Flaijende en foardielige oanbiedingen binne my dien foar
it rjucht fen earste op fier ing, under oaren fen ien selskip,
dat it, unbigryplik enóch, al lézen hie ; dos line rjucht yn
striid mei de stiemoereftige bihanneling dy it ündergien het
fen it Ljouwter Toanielselskip.
Der lykwol jild fortsjinjen net myn heechste icyt wier
mei it skriuwen fen dit stik, ha ik it net forkwanselje wollen,
mar faun it better om it mar printsje to liften en üt to
jaen. Nou binne alle selskippen der like nei oan en hoopje
ik mar, dat hja sels der in bnlte wille fen habbe en oaren
der in bidte wille mei jaen scille.
Fouten scille der wol yn wêze, mar dy scille ek wol foun
ivirde, hwent dat it skerp bioardiele wirde scil, dat leit, nei
al it jinge, dat \'r mei bard is, wol foar de hdn.
Nou, as \'t oardiel den mar rjuchtfeardich is, den is \'t
my wol en scil ik eltse frjeiinlike torjuchtwizing yn tank
oannimme.
Rispmoanne, 1884.
C. D. v. d. WEG.
-ocr page 8-
PERSOANEN.
G j a 11, in boer.
R j u c r d G j a 11 s, syn soan.
Rjuerd Gosses (alde Rjuerdom), syn stcager.
B e i t s k e, hüshaldster en tsjinstfaem bij Rjuerdom.
J a b i k, in smid.
Berber, syn wiif.
F e i k j e, hjnr dochter.
A e g e m a, doleter. •
Pennema, notaris.
O e g e, syn skriuwer.
Sibbel, )
L y s,         ? alle trije arbeiders-froulju.
Tetsje, 1
Strüksma, in fjildwachter.
FORDIELING.
F o a r s t i k : Op \'e strjitte.
Ie B i d r i u w : In Sneuntojoun bij de Smid.
2e B i d r i u w: Smids Feikje.
3e B i d r i u w: Hivet dokter seit.
4e B i d r i u w : Rjuerdom\'\'s Testemint.
-ocr page 9-
SM/DS FE/K JE
BF
Rjuerdom\'s Testemint.
FOARSTIK.
Op \'e Strjitte.
It toaniel is in doarpsstrjitte twishen tira rif/els huzen
yn. It is trije we op
\'e neimiddei.
Sibbe 1, in smoareh arbeiderswiif, leit foar hjar doar op \'e knib-
bels to skütelwaskjen; »an de oare kant f en \'e strjitte
stiet Lys, dy net folie better is, mei in biezem to
feüen; beide binne tige suterieh yn \'e klean j Sibbel
mei in holdoek om en Lys mei it hier los en wyld
om \'e holle hingjen. Sa wirdt it girdyn ophelle.
Lys, {giet net Sibbel ta en bliuwt
mei de hunnen yn
\'e siden
by hjar stean, hja seit:)
Nou, Sibbel! dou biste lijoed ek neticr mei \'t wirk, tinkt
ray; nou noch al oan \'t skütelwaskjen ?
Sibbel, (hüldt op mei skütel-
waskjen en giet oerein
stean.)
Ei né, Lys! wiste ho dat komd is ? Ik hie fen nacht
net folie sliep hawn ; dat pyst fen in fanke hie hjar lytse
bek oanienwei op to gülen, en dou wiste ho de manlju
binne, dy sjogge nearne nei om; dêrom haw ik nei iten
earst in sliepke nomd en dat het hwet to lang dürre.
-ocr page 10-
6
L y s.
Ja, dy manlju der het min al in heislik krüs mei; hja
dogge thüs neat as iten en drinken, en is \'r hjar is hwet net
nei \'t sin, den rinne hja faek ek noch nei de herberch to
süpen.
Sibbe].
En, den iitte hja it wiif mei de bern oanpiele, hwentdy
binn\' er oenares al enöch om it de memmen noch hwet
lêstiger to meitsjen.
L y s.
Nou, dat leau ik, dat is oenares al do earste winst nei
it trouwen ; och sei! as dy earste grienens hwet oer is,
hwet brekt yen den dat trouwen sur op, oars net ?
S i b b e 1.
Dór kinste mar donder op sizze, Lys ; hwet hie ik it
skoan do ik boerefaem wier; in hege lean fortsjinje, iten
en drinken op \'e tiid, frijers sa folie as ik hawwe woe en
gjin oerlést fen wirk; ... \'t is wier, ik wier myn eigen
master net, mar och! ik hie it oars ek frij enöch; de boer
en boerinne woene wol nei myn pipen dünsje ; de fammen
wieren \'r do tige krap en dêrom wieren hja bang dat ik
foartrinne scoe.
Lys.
\'t Is my ek krekt sa gien, Sibbel; o! hwet biklei ik
folie dy skoane tiid ; mar der wier mar gjin kearen oan,
dêr moast in man wêze en ik moast myn frijdom hawwe;
nou haw ik myn frijdom, mar mei in bongel oan \'e foet;
in man dy \'t jiinmer kryt en kleit, omdat ik him neat nei
\'t sin dwacn kin, en derby alle jierren in bern \'r by . . .
it is hwet moais, dat is mar sa.
Sibbel.
En den krijc de froulju altyd de skild as it net goed giet;
den wirde dy ütmakke foar alles hwet gemien is, den binne
hja net kloek enöch, ... hja binne smoarch, hawwe gjin
-ocr page 11-
7
oerliz en dogge neat oars as op \'c strjitte stean to rabjen;
mar ik siz mar, it is de beste slim enoch om mei seis goune
yn \'e wike lans de tiid en den ek noch hwet lummel foar
\'t ljocht to kommen.
L y s.
Nou, it is sa; it scoe in hopen lju, dy nou somtyds sa
folie oer üs habbe to praten, raer oufalle, as hja eris yn üs
skipke farre moasten.
Sibbel.
Wis ! scoe it dat; der heste nou Jochems Tet, hwet wier
dat foar hjar trouwen in kreaze keine faem ; mar kom nou
eris, de lappen sitte nou ek al de iene oer de oare en mei
gauwens hingje se hjar ek like folie oan flarden by de hüd
del, as üs.
L y s.\'
En döchs fortsjinnet hjar man jimmer in goed deihier;
trochstrengs folie mear as in bulte oare arbeiders ; mar min
seit, dat Tet en hjar man beide tige graech in süpke meije.
Tet komt to minsten altyd by Melle kassleins yn \'e winkel,
en bakkers Jeltsje seit, dat it oars nearne om is, as om to
mük jenever to krijen.
Sibbel.
Nou, dat is al raer net ? min scoe sizze; ho komt it
minske der by, dat kin ommers gjin touwen halde.
L y s.
Né, dat kin \'t ek net, en hja habbe dêr ek neat gjin
wille fen; ik haw foar my sels, as de bern \'r ut binneen
de man nei \'t lan is, folio ljeaver in kopke lekkere théef
koffy, hwet de tiiid seit, mei in kloentsje dêr yn en in stik
koeke dêr by.
Sibbel.
Nou, dat is ek folio better, dêr bliuwt min de selde by
en it forsterket ek noch de ynwindige minske, en dêr het
min sa nou en den wol ris bihoefte oan.
-ocr page 12-
8
L y s.
Dat siz ik ek ; it libbeu is oars al to icntoanich; . . .
raar sjoeh eris . . . komt Tet der net oan ? ... as min
oer \'e divel praet is \'r altyd tichte by.
S i b b o 1.
Nou, ik leau ek dat it Tet is; seoe hja wer nei de for-
ginning west ha? . . . hja het hwet yn \'e skelk biside, dat
in oar fèst net sjoau mei.
L y s.
Hea ja! wy moasten al ris witte hwet dat is; lit üs in
praetsje tsjin hjar meitsje en hjar efkes ophalde.
Sibbel.
Ik haw oars hast gjin tiid mear, Lys, ik bin lijoed sa
deuliske let mei \'t wirk.
L y 8.
Nou kom! hwet scoe dat; lit de boel marstean; itwirkscil\'r
wol bliuwe, datste hjoed net doelitstc,scilste moarn wol wer fine.
Sibbel.
It is oars ek sa, dien wirk het min doch nea en is
Rommert den joun hwet groinmelich as \'r thiis komt, dat
is net oars, ik bin der ridlik oan wend . . . mar den geane
wy lijir hwet op dizze bank sitten.
(hja geane nou sitten op in tilde bank dy der by hjar stiet.)
L y s.
Moai sa, dêr kin ik dy wer oan, Sibbel; jonge, min moat
dy manlju net al to folio bidearre; ho mear goed min
hjarren docht, ho mear hja fen yen easkje, hwent üntank
is \'t lean fen \'e wrald . . . Mar dêr is Tet, hear, pas nou op.
(Tetsje komt op, hja is wol dld yn \'e klean mar hja is
lummel en skjin ; it liket trol, dat hja de oare beide froidju
mar hird foarhy scil, mar nou seit:)
Lys.
Goen dei, Tetsje ! hwêr scil dit sa hird hinne ? jou skreppe
dat it hwet docht, is \'r sa\'n driu by \'t wirk?
-ocr page 13-
o
Tetsjc.
Dei jimme ; ja, ik haw it thüs tige drok, ik koe \'r hast
net üt komme, mar ik moast wol efkes om in boadskip.
(Hja wol toer fierder gean.)
Sibbel.
Nou kom! net sa haestich! de tiid heart lis ommers
mei\'noar; en sa\'n bandich jong wiif as jou bet it wirk fêst
al lang oan \'e ein ; gean hjir mar in bytsje by üs sitten.
Tetsje, (hja bliuwt stean.)
Jou habbe \'r gelyk oan, dat de tiid üs mei\'noar heart,
mar elts moat foar bim sels mar witte bo \'r de tiid brüke
wol. Ik tink \'r sa oer, as it büswirk dien is, den is \'r
wol hwet to naeijen, to breidsjen ef to stopjen; om bjir to
sitten, dat is myn füch net.
L y s, (tige spitich.)
Ei so! tinke jou der sa oer; nou, elts syn wille. Ik
wol altyd sa net eselje; en ik hald \'r my ek neattogreat
ta om eris in praetsje to meitsjen mei in bürwiif.
Sibbel, (tsjin Lys.)
Mar der habbe wy de slach net rjucbt fen, Lys; wy
dogge dat sa mar yn \'t iepenbier op \'e strjitte en den
wirdt der gau nijs oan sjoen en wirdt min dêroer birabbe,
mar der binne ek goed, dy \'t dat yn \'e bus dogge, ünder
in süpke ef sa.
L y s.
Ja, dat scille sokke wol wêze, dy \'t nei de forginning
rinne om boadskippen sa \'t hjit, mar hwet hja belje yn
\'e skelk biside balde, omdat hja de flesse net sjcan litte
doare.
Tetsje, (allnel forslein.)
Hwet sizze jimme! Miene jimme, dat ik nei Melle
kassleins gean om jenever to keapjen ?
Lys.
"Wy miene neat en wy sizze ek neat, mar niis alsa sei
-ocr page 14-
II)
\'r ien: as ik Tet wier, den dronk ik ljeaver in pantsjefol
lekkere koffy ef thé mei in kloentsje dêr yn en in stik
koeke dêr by.
Tets je.
As jimme Tet wieren, den dienen jimme fen beiden net,
hwent den hienen jimme dêr gjin eenten ta; mar den
stienen jimme sa ek net op \'e strjitte to rabjen en kwea
fen in oar to sprekken.
L y s.
Hwa seit kwea fen in oar! wy sizze mar krekt sa it is
en dy dat net hearre wol, moat it litte.
Sibbel.
Sa is \'t mar krekt, Lys ; Tet is ek noch net sa fier
komd; hja draecht de bolle nou noch al hwet heech, mar
dat scil wol oars wirde, as hja earst mar ris in keppeltsje
bern het . . . den scil hja ek net folie tiid oerhalde to
naeijen en to breidsjen en scille de lappen hjar ek wol ris
om \'t liif bigjinne to bongeljen.
Tetsje.
Dat scil nea barre, sa lang as Tet in pear hannen oan
\'t liif het, dy \'t hja brüke kin; mar it wirdt myn tiid, ik
moat meitsje dat ik by myn siik famke kom.
(Lys en Sibbel springe nou beide oerein.)
Sibbel, (hwet forböke.)
Hwet sizze jou, Tetsje! is jo famke siik ? honear is dat
sa komd ?
Lys, (meilijend.)
Hea noch ta, dêr habbe wy neat fen heard, is \'t ek slim
Tetsje ?
Tetsje.
Nou slim, dat wit ik just net, hja het jistermiddei de
koarts krige en dy is nou sahwet yn \'t ourinnen. Ik tink,
dat hja hwet gallich is, hwent hja wier sa mislik en nou
krige hja sin oan sur.
-ocr page 15-
11
L y s.
Mar koene jou nou wol by jo famke wei, Tetsje?
Tetsje.
Dat koe oars net, mar smids Peikje kaem efkes by my
om to sjean ho it mei Hiltsje wier en dy sei: witjohwet,
Tetsje! helje gau efkes in heale flesse fol beisop,by Melle
kassleins wei, den kinne jo hjar dêr hwet fen koaitsje, ik
scil sa lang wol op Hiltsje passé.
S i b b e 1.
As ik jou wier, Tetsje, den joech ik it famke
hwet Haerlemmerolie, dat is hast foar alle üngemakken
goed.
L y s.
En as ik yn Tet hjar plak wier, den gong ik nei de
earmfalden, om • \'e dokter.
Tetsje, {t\'uje forheard.)
Hwet sizze jou, Lys ! ik nei de earmfalden . . . ik ?. . .
ik nei de earmfalden ? . . . miene jou, dat ik nou alhiel
gjin earefieling mear yn my ha? [Hja wirdt tigeoandien
en faget de triennen tit
\'e eagen.) Och! och! dat de
minsken sa leech oer yen tinke kinne.
Lys.
Nou, nou! bidarje mar hwet, dat hoecht jou sa nij net
to dwaen ; hwcr foar binne \'r earmedokters, as wy arbeiders
net troch hjar bitsjinne wirde scille ? Jimme binne ommers
ek neat mear as sljuchtwei arbeiders.
Tetsje.
Dat is wier, mar wy binne tagelyk ek arbeiders dy\'r in
hege priis op stelle, dat hja hjar sels redde. Ik woe ljeaver
earst alles forkeapje, foar dat ik jowne jcften fen \'e earm-
falden oannimme scoe.
Lys.
, En ik wol ljeaver alles fen de earmfalden hawwe en neat
keapje; dêr bin ik neat to grutsk ta.
-ocr page 16-
Il\'
S i b b e 1.
Sa is \'t mei my ek, Lys; in bytsje Haerleramerolie foar
de bern, dat giet noch, dat is net sadjür ; en binne wy sels
net eris to goed, don nimme wy wol ris in romerfol barn-
dewyn, mei piper dèr yn, dat forwaermt en it is meastal
kjeld; mar as dat net helpt, den binne wy ek gau by de
earmfalden om dokter.
Tets je.
Ik scil fen jimme rie, bo goed dy ek miend wêze mei,
gjin brükme meitsje; myn famke kriget gjin Haerlemmer-
olie en ek gjin oarmedokter; moat \'r in dokter komme,
den hoopje wy it sels to biteljcn ; goen dei. (Hja giet hinne.)
L y s, (ropt hjar efternei.)
En ik wol wedsje, Tet! datstou sonder briefke fen \'e
earmfalden net ienris in dokter krijc kinste ; wy to min-
sten net en dou biste ek neat better as wy. Dy dokters
helpe oenares hjar sels ek al ljeafst it earste.
Sibbel, (hja draeit hjar om)
IIwet set dat minske in heech krop, net ? Scoe min net
sweare, dat hja wit hwet bisit?
L y s.
Dat scoe \'k tinkc en dóchs het hja neat, wy. moaston
hjar mar botter lit \'e loage wosken ha.
S i b b o 1.
Ja mar, Lys, wiste wol hwêrom hja hjar sa great hitldt ?
hja teart op \'e büse fen smids Feikje.
L y s.
Ho komste dêr sa by, Sibbel! \'t Is wier, dat smidsfolk
is wol hwet mear as in sljuchtwei arbeider, mar dêr libje
hja ek nei; dy scille hjar eigen koarsten ek wol bite kinne.
Sibbel.
Ik hear wol, dou wist\' \'r neat fen hwêr de ein rjucht
fêst sit; smids Feikje frijt yn \'t genyp mei Rjuerd, de
soan fen Gjaltboer.
-ocr page 17-
13
L y 8.
Is dat sa ? Nou, as Gjaltboer dat eris komt to witten,
den scil \'t ek stjonke; Gjaltboer is sa ryk as de beste en
sa gjirrich as de minste.
Sibbel.
En sa dom as in baerch, scit min, en sa fyn as koffytsjoek.
L y s.
Den is \'r om syn jild en om syn gelove ek lid fen \'e
rie wirden, tink ik.
Sibbel.
Dat scoe wol wêze kinne ; . . . mar om op Feikjeendy
torêch to kommen, hja binnc ek wol sa wiis, dat hja net
frij mei\'noar frije meije en dêrom komme hja to mük by
enoar.
L y s.
O, nou kin ik it oaro wol riedo ; dy byienkomst habbe hja
den by Jochem en Tot en dy farre dêr wol by; Rjuerd
scil den de ban wol goed yn \'e biise stekke, tink ik; nou
kin ik wol bigripo hwêrom as Feikjo sa skitonde great
by Tet en dy\'s is. Ik woe ek wol sa nou en den ris in
pear sokke doukes op \'e matte hawwe.
Sibbel.
Ja, sa\'n bütenkanske is wol ris aordich ; as \'t mar goed
bitelle wirdt, den kin men wol sjeande blyn wêze en hear-
rende dof; mar ien ding ried ik dy, Lys: nim op sa\'n
wize gjin al to jonge fammen yn \'e hüs, hear, hwent as
dat ütkomt, bergje se dy ündcr de blauwe pannen.
L y s.
Dat scil wol hwot tafalle; yn \'t liln wirdt dêr sa lyk
net nei sjocn; dêr is \'t hiel oars as yn \'e stêd; yn \'estêd
binne de lju folio fynder biskave.
Sibbel.
Skyt! sa\'n biskaving; as de fiten dy \'t hja wol ris ut-
sette, de lju yn \'e stêd, allegearre is mei houtskoal foar
-ocr page 18-
14
do holle skreaun wieren, mülk wieren hja den wol folie
swarter om \'e kop as wy.
L y s.
Nou, Sibbel! dêr seiste sa hwet; it is yn \'e stêd ck
allegearre gjin goud hwet \'r blinkt.
Sibbel.
En dat is \'t nearne net; dat is \'t mei smids Feikje ek
net; hja droamt nou mülk fen in gouden ketting, mar it
scil wol mei in iizeren ophaldo tink ik, hwet hjar diel wirdt.
L y s.
Ef alhiel gjin; \'t is wier, Feikje is in knappe faem en
hja kin hjar ek tige redde. De feinten lykje ek gleaun
op hjar to wezen, hwent hja kriget in bulte oansyk, mar
nou fetsje ik \'t wol hwêrom hja hjar gelikens altyd blau
jout; hja wol it seil hwet hoger lüke as sluchtwei; mar
o hea noch ta! as de stoarm fen de side fen Gjaltboer eris
opsetton komt, hwet scil hja it den gau strike moatte; hja
kriget Rjuerd nea, wol ik leauwe en den wirdt hja fen de
oare fointen ek op \'e rêch oansjoen.
Sibbel.
Feikje Iljuerd krije ? dat liket \'r neat op; as wier it
Rjuerd \'r al om to dwaen, hwêr ik neat fen leau, den scil
de aldo wol in speake yn \'t tsjil stekke, hwent om ien fen
dat smidsfolk ünder de sibben op to nimmen, dêrfoar binne
hja lang net fen goedernóch komöf.
L y s.
Ik tink \'r ek sa oer; de smid scoed \'r oars wol blier
tsjin oanlaeitsjo, as \'r sa fen syn dochter of rekke.
Sibbel.
Nou, hwet in wünder! sokke greate dochters binne foar
in bulte lju mar in great lést, hja rinne altyd pronkmoai
en dogge neat foar de kost.
L y s.
Dat is al folie sa; mar dat kin min oars fen Feikje net
-ocr page 19-
15
sizze; hja is altyd wol tigc yn \'e es, mar hja kin ik tige
mei de nidle omgean; forline wike het hja my noch in
makke jurkje brocht foar üs Kike ; dy moast nei skoalle,
mar koe net, omdat hja gjin hele klean hie en do brocht
hja my dat to joun; ik siz dy, dat wier marris knap makke.
S i b b e 1, (nidick.)
O, dy divel! dat is ek hjir ef der foar, hear; den hestou
Itjuerd en Feikje ek al ris by dy hawn to frijen en non
kinst dy tsjin my noch sa dom haldc P Dat is gemicn fen
dy, Lys! dat haw ik net oan dy fortsjinne.
L y s, (ek lilk.)
Datstou oan my fortsjinne hèste, dat haw ik dy altyd
goed bitelle; ik leau, dat ik dy neat skildich bin en wiste
hwet gemien is ? It is gemien, datste my fen eat for-
tinkste, dêrstou sels ondogensk enóch for biste.
Si b bel.
Wol dou sïiltsek aste biste! haw ik dêrom de hele nei-
middei by dy forpraet ? it skeelt my de helte net as ik
jouw dy de biezem op \'e bealch.
L y s.
It is better, datste der dyn ondogenske jonge mei ouran-
selste, dy het it mei olts to kwea; fen \'e moarn wier \'r
mei Pibe skroar\'s Tennis oan \'t fjuclitsjen en neimiddei
hie \'r wer in oaren bij \'t hier.
S i b b e 1, (trillet fen lilkens.)
Dat leit net op dyn wei, dou hoegste net op myn jonge
ta to sjean ; pas mar op dyn eigen, dat dy net al to folie
op syn mem bigjint to lykjen.
Lys, (wylst hja hin en wer rint, den wer fen
Slbbel óf en den wer mei alle mullens op
hjar ta, Uwer inkele foarbygongers, de
iene laeitsjende en de oare de skouders
opheljende, nei stean bliuwe to sjean.)
Myn jonge liket neat mear op my, as dyn jonge op dy
-ocr page 20-
m
liket. It bytsje goede, dat dy oan him het, het \'r fen syn
heit en it bulte kweade het \'r fen syn ïucm oernomd en
sa \'t nou my jjnmio sels is, mienst ek, dat it mei in oar
giet. Dou moaste dy skamje, Sibbel, datste sa gemien
biste.
Strüksma, (de fjildwachter
komt op.)
Jimme meijo jimme beide wol skamje, dat jimme sa\'n
bürregerjucht meitsje; pak op alle beide, ef ik scil in oar
plak foar jimme sykje.
L y s en Sibbel, (tagelyk.)
Mar Strüksma . . . mar . . . mar . . .
Strüksma.
Gjin wird mear, pak op yn \'e hüs, siz ik, ef it scil
minder foar jimme wirde . . .
IT GERDIN FALT.
-ocr page 21-
Ie BIDRIUW.
In Sneuntojoun by de smid.
It toaniel is de icenkeamer fen baes J a b i k, smid to
Jouwergea; min sjocht in tafel, mei thêgoed
V op en stoellen
der ornhinne; in sekreteare, in spegel en in klok; it is
jountyd.
Berber, baes syn wiif, sit by de tafel en waehttet baes mei de
koflfy; syn stoel, in greate briedstoel, stiet al ré; yn \'e
flerte heart min baes noch op \'t oanbyld slaen: sa wirdt
it girdyn ophelle.
Berber.
Hea noch ta, hwet bliuwt Jabik joun lang yn \'e smidte;
hy het fèst in kerwei ünder bannen, der hy net best by
wei kin; oars haldt \'r altyd jouns om saun ure op en nou
haw ik hira al twa kear roppen en nóch komt \'r net;
kom, ik mei yet wol ris roppe . . . {Hja giet oerein en ropt
oan de smidte-doar.)
Jabik! it is al lang oer saunen, hear,
komme jou hast yn \'e bus ? ik haw de koffy briin !
Baes Jabik, {ropt toerom, sünder op
\'t toaniel to kommen.)
Ei ja ju! dat ropt de hieltyd, ik scil wol komme as ik
myn nocht ha!
Berber, {hja komt wer by de
daar wei en seit, mei
in sucht:)
Och sei! hwet is \'t raor, hwet scoed \'r dóchs oan skele;
de hiele dei sjocht Jabik sa swart en seit hast gjin wird
2.
-ocr page 22-
18
/
en nou ik him sa frjeunlik noadsje om yn \'o hüs to kom-
men, snaut \'r my noch ou op \'e heap ta; dat bin ik net
fen him wend. Scoed \'r ek ris hwet lieard hawwe oer dy
frijerije fen üs Feikje mei Gjaltboer syn soan P . . . (Hja
nimt hjar breidyen op en giet wer sitten.)
.Mar né, dat
kin \'r ek net witte, hwent frijerij kin it hast nocli net
ienris hjitte, liowol ik al lang witten ha, dat Rjuerd in
goed each op lis Feikje liet. Hja hawwe enoar by tafal
mette by Jochem eu Tetsje en do hot \'r hjar thüs brocht
en hjar frege, as \'r wol ris by hjar komme mocht, en dat
het hja net ouslein; hja het it my dalik forteld en dat is
yn hjar to priisjen. Ik hie it Jabik wol sizze kinnen,
mar ik tochte sa: manlju moatte ek yn ionen alles net
witte; as lijuerd komt, den scil Jabik it wol sjean en
der ek net tsjin wêze, hwent lijuerd is in beste feint en
der binne by syn heit ek wol moppen, sa \'t er sein wirdt,
en dat scoe ds wol passé ; hwent om Feikjo in goede ütset
to jaen, dat kinne wy net dwaen. Jabik hot wol drok
wirk, mar yn dissc efteriit geande tiden wirdt it wirk sa
sljucht bitelle, dat \'r, buten \'t heechst nodige, oars neat
oersjit. len ding is \'r, dat Jabik wol ris tsjin stean kin.
Jabik is liberacl, howol \'r der altyd net rjucht foar ütkomt,
hwent dat kin foar in handwirksman net lije, omdat \'min
frij man is; en boor Gjalt is orthodox on in earste bihalds-
man; dat koe mei\'noar wol ris forkeard jean spinne. Ik
haw oars altyd tocht, dat orthodoxe ljeafde en liberale
ljeafde, frij wol it selde wier, as de ljeafde mar echt is;
en ek, dat liberale en orthodoxe moppen wol by \'noar
passé, as \'r mar gjin falske munt ünder is, mar it liket
wol, dat froulju dêr it rjuchte forstan net fen habbe; hja
komme dêryn by de hearen fen \'e skeppinge efteroan. \'t
Is dèrom ek mar goed, dat hja gjin stimrjucht habbe, hwent
as hja dat hione, dan stimde grif mannich faem hjar frijer
en mannich troud wiif hjar egen man. (\'t Is undericiles
-ocr page 23-
lil
yn \'e smidte stil wirden; baes komt nou yn \'e keamer, yn
7 ünderbaeitsje mei it skoartsfel foar en mei in t\'aje smoarge
holle en kannen, hwêrtroch
\'r noch swarter liket to sjaen
as oars: hy giet yn
\'« briedstoel sitten en seit neat.)
Berber, (hja hdldt hjar earst ek stil
en sjucht Jabik to mük oan ;
hja sjocht trol, dat him de
priik net goed stiet, mar
einliks weaget hja döchs, sa
frjeunlik mülk, to sizzen,
wylst hja ris ynjit:)
Kom, binne jou dêr ? habbe jo it wirk doch ris dellein ?
dêr bin ik bliid om; ik bin wol ris bang, dat jou jo noch
alliiel forarbeidsje scille; jou wirde ek al in dei alder; as
it sa drok is, den naotn ik, as ik yn jou plak wier, \'r in
tiid lang noch in help by, dy binue \'r tsjinvvirdich wol to krijen.
lines Jabik, (tige snausk.)
Hwet seistou! \'r in help by nimme, mienste dat ik gek
bin ? Ik stjür ljeaver de feint dy wy habbc ek noch wei,
om \'r den allinne tsjin oan te cseljen; ik moat dóchs yn
\'t wirk myn wille sykje, yn \'e hüs kin ik it net mear fine
Berber, (tige goedlik.)
Ho sa wer, haw ik it nou sa by jou fordoan, datjogjin
wille mear by iiiy habbc kinne ? Hwet skeelt \'r lijoed
dóchs oan; jou sjoggo de liiele dei sa swart, is \'r eat dat
ik better moitsjo kin ? siz it my don, ik wol ommers sa
graech alles jou nei \'t sin dwean.
Baes Jabik.
Fordoan en net fordoan, jou habbe my rjuchtstreeksgjin
kwea dien, mar it is my sa heislik yn \'e wei, dat it memmc-
each net better oer üs ienichst bern wekket.
Berber.
Hie ik it net tocht ? ik wier \'r al bang foar, dat \'r soks
hwet geande wier.
-ocr page 24-
20
B a e s J a b i k.
Ei! wieren jo dêr al bang foar; den wite jou \'r wol fen,
dat üs Feikje, jouns let, mei feinten omslacht ? Nou wirdt
it wrichtich\' noeh folie malder; den scil \'t ek noch sa
wol ütkomme, tink ik, dat mem hjar dêryn bilielpsum is.
Berber! Berber! dat hie ik nea fen jou tinke kind. Binne
jou nou troeh Gjalt syn jild sa forbline, dat jo dêrdeeare
en goede namme fen üs Feikje foar oer ha ? Tink ris om
myn sizzen: as dy soan fen Gjalt syn nocht fen Feikje
óf het, den lit \'r lijar yn ünk en lijen efter en üs mei
hjar, hwent it is dy rike lju\'s bern net yn wierheid om
üs bern to dwaen; . hja brüke hjar, to mük, as in stik
boartisgoed en smite it wer wei as hja hjar noeht \'r óf
habbe. Ik wit nou hwet my to dwaen stiet . . . hwêr is
Feikje ... as mem net botter op hjar past, den moat heit
wol op hjar tasjean.
Berber.
Feikje is efkes om in boadskip, hja bringt in jurkje nei
Itommerts Sibbel ta, foar hjar famke ; dy is nedich nei
skoalle, mar kin net om hjar klean en nou habbe de leden
fen Folksünderwiis dêr goed foar sein. Hja het nóch ien
ünder haunen foar Oebele Tryn\'s famke, dat moat ek noch
foar Moandei ré.
B a e s J a b i k.
Den is hja al wer op \'e fiter! Hie ik dat yusjoen, dat
soks üt dat folksünderwiis foart kom me scoe, den hie ik
dêr myn best net sa folie foar dien. It stie my sa bare
skoan oan, dat Feikje hjar tsjinsten ek oan folksünderwiis
oan bea, hwent ik tochte, dat komt üt hjar goed herte foart;
nea hie ik tinke kinnen, dat it mar wier om in doekje foar
\'t blieden to hawwen foar dy jachtery. As hja thüs komt,
den scil ik hjar dêr oer sprekke, dêr kinne jou op oan.
Berber.
Den is it foar üs allegearre better, dat hja mar net thüs
-ocr page 25-
21
komt, hwent den bliuwe wy foar in bulte unrêst bi warre
en wirdt Feikje net ünskildich bikibbe.
Baes Jabik.
Wolle jou den noch fol halde, dat Feikje linskildich is ?
Berber.
Beste man! as hja skildich wier, den scoe ik it net
weagje om lijar to fordiedigjen; ik scoe den sels hjar \'r al
lang oer bikibbe ha, mar loau my, Jabik, Feikje het neat
dien, dat gjin ljocht fordragc kin.
Baes Jabik.
Habbe jou den net heard, ho jisterjoun, by dy tsierdery
fen dy beide klongels fen froulju, Rommerts Sibbel, oan
Gabe Lys forwiet, dat hja in hüske fen haldoan hie en dat
üs Feikje der ek briikme fen makke ?
Berber.
Ja, dat haw ik wol heard; it moeit my, dat dat bard is,
hwent howol ik foar wier wit, dat it leugens binne, hwet
hja seijen, en neat oars as rabberij, wirdt \'r döchs troch
dizze en jinge al licht hwet fen leaud, to mear, omdat hja
de skyn wol hwet tsjin hjar het; hjar eigen heit ommers
leaut \'r al oan; mar Jabik ! tink eris ef kes nei, is it wol
goed om immen, allinne op praetsjes fen sokko melappen,
fen kwea to fortinken en den noch wol yens eigen bern ?
Baes Jabik, (hwet bidrimmele.)
Nó, ... ja, ... né, hwet scil ik sizze, jou habbe der
eigentlyk wol hwet gelyk oan, Berber; mar der is fêst
döchs hwet bard mei Feikje, ommers, jou sizze sels, dat
hja de skyn tsjin het.
Berber.
Dat is sa, dat haw ik sein en ik wol jou ek wol fortelle
hwet \'r bard is ; wy binne nou noch togearre thüs ; ik scoe
sa graech hawwe wolle, dat jo fen tinzen foroaren, foar
dat Feikje thüs komt; ik kin it net habbe, dat hja ün-
skildich lije moat.
-ocr page 26-
22
B a e s ,T a b i k.
Mar Berber! jou wite wol ho folie ik fen dat fanke hald
en ho goed ik hjar bitrou; mar namminste searder docht
it my, as ik kwea fen hjar hear of sjoeh. Blykt it rny
nou, dat lija iinskildich is, den is nimmen blider as ik en
sil ik hjar fordiedigje, it mei kosje hwet it wol.
Berber.
Dat tocht ik wol en nou scil ik jo sizze hwet \'r mei
Feikje geande is, jou binne nou al hwet bikomd en jo
meije, as ik ütpraet bin, noch lilk op my wóze, op Feikje
binne jo it den net mear, dat wit ik klear.
Baes Jabik.
En ik wit ek klear, as ik op myn bern net lilk mear
hoech to wezen, don noch sa folio to minder op hjar mem.
(Hy wol Berber oer \'e tafel hinne efkes beet krije)
B e r b e r, (üntwyld hint.)
Kom, kom! mar net rlaoijo, it kin noch wol foroarje;
kom mar net oan my, hear, fij! jou binne sa swart as in
skoarstien; jo masten jo earst wosken ha en forklaeid; as
wy strak cris in koffydrinker krije, den lykjc jou sa raer
. . . it is ck Snjcuntojoun.
Baes Jabik.
In koffydrinker ? mienc jo dor in frijor mei foar us
Feikje ? . . . dat het gjin need, lija jout ommers alle
feinten blau, sa dat nimmen him mear oan hjar weagje
doar; en nou \'r sokko rare practsjes geane, scil ek gjin
fetsoenlik feint mear mei hjar wolle.
Berber.
Dat koe jou wol ris hwet mei falie; ion wit ik to
minsten, dy it hird om hjar to dwaen is en dy mei hjaek
wol lije.
Baes Jabik, (forheftieh.)
En dêr liabbe jou my noat fen sein ? dat is net moai fen
jo Berber!
-ocr page 27-
23
Berber, (rjekjeiend.)
Sjoch nou ris, der wirdt dat mantsje hast al wer lilk...
pas op feint . . . astou lilk wirdste, den wird ik it ek,
hear! . . . eii den scille wy eris sjean, hwa hjir baes
wêze scil.
Baes Japik, {hwet üngedïldich.)
Ei nou, Berber! siz ray nou den ek alles ; jou witte \'r
de hieltyd om hinne to draeijen, mar mei dat al wird ik
neat wiisder, jou komme nea op it plak der wy wêze
moatte; bin ik den sa\'n bytsje yn bitrou ?
Berber.
No, jou binne in hiele bulte yn bitrou en as jo \'t nou
graeeh witte wolle, den scil ik \'t jo mar sizze: \'t kin wêze
dat Grjaltboer\'s Bjuord hjir joun komt.
Baes Japik, {springt forheftich
oerein.)
Om mei Feikje to frijen ?
Berber.
Om jou to freegjen as \'r wol by Feikje komme mei.
Baes J a b i k.
En wisten jou dêr fen ?
Berber.
Ja en dat moast ik jou sein ha, dêryn haw ik net goed
dien, mar ik koe der hast net ta komme, omdat ik sels
net rjucht wit, hwet ik \'r fen tinke moat.
Baes Jabik.
Den is \'r dóchs hwet fen oan mei Feikje en Rjuerd ?
Berber.
Foar sa fier, ja, . . . ek het Rjuerd by tafal eris efkes
by Feikje west, by Jochem en Tet. Feikje is altyd tigo
great west mei Tet en is dat noch; hja giet dêr wol gau
ris hinne, foaral tsjinswirdich, nou Tet hjar famke sa stik
is. Sa trof it okkerjouns, dat Feikje dêr kaem en Rjuerd
dêr ek wier; Jochem het twa skiep fen Rjuerd to healle
-ocr page 28-
24
en do wier Rjuerd dor to rekkenjen. lijuerd liketjimmer
in goed each op Feikjc to hawwen, to minsten hy het
hjar dy joune thiis brocht en hjar frege as \'r wol ris by
hjar komtne mocht en dat het hja net ouslein ; hja hot my
dalik alles sein en dèr is nou de hiele skiednis.
Baes Jabik.
En is \'r oars neat foarfallen ?
Berber.
Nou . . . hja habb\'e dy joune mülk wol efkes mei\'noar
frijd, mar dêrfoar binne hja ek jong; do wy jong wieren,
wieren wy ek neat better, oars wol P . . . mar fen om-
jachtsjen, dêr is neat fen wier, Jabik! dèr kinne jou grif op oan.
Baes Jabik.
Dêr bin ik bliid om, dat is to sizzen : ik bin \'r bliid
om, dat Feikjc hjar eare net to grabbel smyt; mar hwet
dy frijerij oangiet mei Feikjc en Rjuerd, dat liket my net
goed ta.
Berber.
Hwêrom net, Jabik ?
Baes Jabik.
Foarearst net, omdat dy rike en skynhillige Gjalt itnea
tastean scil, dat syn soan boasket mei de dochter fen in
earmo en liberale smid; en oard net, omdat in earlike
smid nea de nekke kromje scil foar in gjirrige boer.
Berber.
Mar hoar ris, Jabik, it is ek dalik net oan boaskjenta?
Baes Jabik.
As jou tinke, dat hjar frijerij dêr net op ütrinne scil,
den is it folie better, dat hja net mei\'noar bigjinne; en
tinke jou, dat it der al op ütrinne kin, den is dat to min-
sten folie better. Ik wol oannimme, dat Rjuerd in beste
eabele feint is en dat \'r it goed mei Feikjc mient, mar sa
as ik niis sei: Gjalt scil nea yn hjar boask tastimme en
den is it foar hjar beide folie better, dat dat fjürke net oan
-ocr page 29-
25
\'t barnen rekket; hwent is dat ienkear goed oan \'e gong,
den is it net sa niaklik wer ut to krijen.
Berber.
Ik wol dat net tsjin sprekke, Jabik, ik tink \'r sels ek sa
oer en dêrom seaoh ik \'r ek sa tsjin oan om it jou to
sizzen. Lykwol, ik bin bang, dat dat fjürke al foar goed
oan \'t barnen is; it earste fonkje, howol ünder do jiske
bidobbe, het al jierren oan \'t glürkjen west. Jou witte,
ho iens hja as skoalbern al mei\'noar wieren en ho hja
mei\'noar boartsje koenen, as Rjuerd twisken skoftsyn iten
by üses opiet. Op letter jierren hienen hja net sa folie
omgong mear mei\'noar, mar dóehs koenen hja elkoar, as
hja e\'noar ris metten, ougriislik pleagje, as Rjuerd ris nei
de fammen west hie, ef as Feikje eris in frijer krige; dy
frijerij wier mei beide ornaris ek wer mei ienkear ut; dat
fonkje, der ik niis fen sei, wier nóch oan \'t glürkjen en
dat is foar goed oprekkele, do Rjuerd forline winter lis
Feikje, mei eigen libbensgefaer, ut it iis, ef ljeaver, ut dat
wek helle het en nimmen oars dat oandoarste; ek dy
sokses fen in feint net, der hja do mei lit wier en dy syn
skild it wier, dat Feikje der yn rekke. Sünt dy tiid het
Rjuerd nea wer nei oare fammen west en het Feikje alle
feinten blau jown. Nou habbe hja elkoar wer mette, by
Jochem en ïet en het Rjuerd Feikje thiisbroeht; dat
fonkje, tink ik, is nou in ljochte laeije logo wirden, to
minsten, do ik Feikje de seldo swierichheden foarhalde dy
\'t jou meitsje, lei hja de holle foardel tsjin my oan en do
hja wer opseach rollen de triennen hjar oer \'e wangen en
sei hja, snikkerjende, tsjin my : O, mem ! hwet woe ik
graech, dat Rjuerd net sa ryk wier.
Baes Jabik.
It is in malle boel, dat is mar net oars.
Berber.
Jawol is it dat; it docht my ek sa hoislik oan om Feikje ;
-ocr page 30-
26
ik woe lijar sa graech lokkich sjean en bin nou sa bang,
dat dit hjar link wirde scil, hwent de ljeafde bet al to
djippe woartels by hjar sketten ; mar lit üs it beste hoopje.
(Hja drinke heide er is üt en Berber forfolget:) XouJabik,
nou witte jou alles; ik bin bliid, dat it \'r üt is, hwent
nou is \'t ray sols folie rümmer; lit üs nou mei\'noar oer-
lizze hwet it beste is en dêrnei dwaon. Forklaei jo nou
ek gau hwet, sa kinne jo net bliuwe, as Rjuerd hjir straks
is; jou wolle him dóchs wol frjeunlik bihannelje, oars net?
dat het \'r forline winter wol dübeld oan lis fortsjinne, do
\'r Feikje foar \'e dea biwarre het.
B a e s J a b i k, (oandien.)
Ja wis, Berber, ja wis wol ik dat en ek kin \'r myn
tawird krije om by Feikje to kommen, mar ïinder ien
bitinkst: it moat Gjaltboer ek like goed wéze as my, hwent
nea scille hja sizze kinne, dat ik myn dochter foi\'keapo
ha; myn eigen namme is my dêr to goed foar en üs Feikje
to goed en to eabel. (óf.)
B e r b e r, (ullinne.)
Si soa, dy ünwaersbui is wer oerdroaun ; koe ik nou ek
mar sa goed de stoarm biswearjo, dy \'t üs fen \'e side fen
Gjalt to wachtsjen stiet, don gong Feikje in skoane takomst
to mjitte; on hja fortsjinnet it, dat goede golle bern; mar
it sprekwird soit: dy de hjouwer fortsjinnet, dy kriget se
altyd net en dat is wol in wier wird. Unk en lijen en
earmoed is folie it diel fen \'e besten en mannichien kin
nauwerneed, troch swier arbeidsjen, yn eigen libbensünder-
hald forsjean; en dêr stiet tsjin oer, dat it mannich rike
skobbcrt j immer foar de wyn giet en dy derby noch mei
forachtinge op dy earme wrottors delsjocht. \'t Scil mei
Gjalt ek sa wol gean, tink ik; hy is altyd al in frjeamd-
soartich man west, great yn syn eigen eagen en neat net
ynskiklik; mar sünt \'r sa fyn wirden is en troch de ortho-
doxen op \'t kêssen brocht, is \'r sa grutsk wirden, dat
-ocr page 31-
27
\'r bynei boarst en \'r is hast gjin dwaen mcar mei him to
hawwen. Jabik het it altyd by him bidoarn, dy mei \'rnet
sjean en dat komt oars nearne net troch, as dat Jabik it
mei de liberalen haldt en net meiwirkje wol om hjir in
bisondere skoalle to krijcn. Gjalt syn smeijen lykwol het
\'r noch halden, mar dat komt, troch dat \'r mar ien smid
yn \'t doarp is, oars scoe dat wol ophalde. Forline jior het
Gjalt syn best al ris dien om hjir in oare smid hinne to
lokjen, mar dy man fielde wol, dat Jabik yn Jouwergea
de aldste brieven hie en dat \'r fen ien of twa skynhillige
boeren net libjo koe. Ho it nou ris gean scil, dat scil my
ris nij dwaen, mar it liket my tsjuster ta; o, o! dy beste
Feikje, dat Ijeave goede bern.
F e i k j e, (komt op ; hja het de léste
wirden fen hjar mem
heard.)
Ho nou, mom ! is \'r swierichheid ?
Berber.
So Feikje! bistou der, biste al werom ? Ja bern, ho
scoed \'r gjin swierichheid wèze; it iikot my sa slim foar
dy ta; de frijerij mei lljucrd, der kin neat fen komme,
Gjaltboer scil it noa tastean.
F e i k j e.
Och, mem! dat kin wol ris hwet meifalle en is \'r der
earst al hwet op tsjin, och, wy binno noch jong en kinne
wol hwet wachtsje; as Gjaltboor sjocht, dat it mei Rjuerd
tinken is, den scil \'r op \'t lest wol tajaen.
Berber.
, Sa praetsto nou noch, Feikje, de ljeafde leaut allo dingen,
hopet alle dingen en bitrout alle dingen en dat is ok goed,
hwent dat haldt yen lang steande; mar as oan it wacht-
sjen gjin ein komt en de hope fordwynt, den is it o sa
slim en hope is \'r foar dy hast net, hwent heit is \'r ck
net foar, dat jimme forkearing mei\'noar ha.
-ocr page 32-
28
F o i k j e, (tige moeilik.)
Och hea, mom! is heit \'r ek net foar, hwet kin heit op
Rjuord tsjin ha ?
B a e s J a b i k, (is ünderwiles tver
opkomd, skiën en
forklaeid.)
Heit hot neat op Rjuord tsjin, myn fanke, mar heit wit
foarüt wol, dat Gjalt net lije wol, dat Rjuord by dy komt;
en omdat ik letter net hearre wol, dat wy him hjir hinno
lokke ha, om syn jild, mei \'r hjir net komme, sa lang as
Gjalt gjin tawird jout.
F e i k j e, (tige oandien.)
O, heit! hwet is dat hird ; is dat nou de tank \'r foar,
dat Rjuord my forline winter it libben redden het?
Berber.
Feikje, Ijeave ! sa moasto net tsjin heit prate, dou bigrypste
heit net goed ; heit het neat op Rjuerd tsjin; mar heit wol
net hawwc, dat de lju üs eare to grabbel smite scille mei
to sizzen, dat wy Rjuerd oanhalde om syn jild.
Feikj o.
Hwet kinn\' my en hwet kinne jimme de praetsjes fen
\'e lju skele, as wy sels mar in frij gewisse ha ?
B a e s J a b i k.
Mar Feikje, wy moatte lis ommers ek wachtsje foar do
skyn fen \'t kwea.
Feikje.
Dat is goed, mar moat dêrom üs lok forskopt wirde en
kin min dat wol altyd fol balde ? Do lju, dy rabje wolle,
süge dóchs ut allo dingen kwea, der kin min yen net foar
hoedsje. Ho is it gion do ik okkorjouns Rjuerd by tafal
motte on hy my thüsbrocht het; habbe de lju do ek al net
sein, dat ik jouns mei manlju omslingere ?
Baes Jabik.
Mar do wier de skyn ek wol hwet tsjin dy.
-ocr page 33-
29
F e i k j e, (snibbich.)
Ei ja! hwêrom net; en hwêrom scoenen de lju \'r net
oer prate ineije, as sels myn eigen tilden oan ray twivelje
kinne. Ik wol Rjuerd net blau jaen en hy sjoclit fen my
ek net óf, dat stiet fêst; wol heit net ha, dat \'r by my
komt, den scille wy elkoar op oare plakken wol fine, de
ljue rabje non diïchs al oer üs. {Hja bigjint to skriemen.)
Berber.
Fij, Feikje! sokke rare praetsjes, dy koinme dy letter to
moeijen, fanko ! heit en mem binne ommers net sokke dwars-
driuwers, oars wol ? (Feikje bigjint Ito langer sa mear to
snikherjen en Berber forfolget:)
Sjoeh eris! dou makkest
dy alhiel oerstjür, dat kin sa net; gean hwet nei de oare
keamer en drink hwet kald wetter, den scil it wol hwet
bikomme; as Rjuerd strak komt den moaste hwet blierder
sjean.
Feikje, (iriles hja opstiet.)
Ik hoopje mar, dat \'r net komt, en as \'r komt, siz den
mar, dat ik pine yn \'e holle ha en dat ik siik bin en dat
\'r mar wer foart gean moat. (df.)
Baes Jabik.
Och sei! hwet is \'t in rare boel.
Berber.
Jawol is it dat, ik bin myn rie hast ten ein; hwet scille
wy nou sizze, as Rjuerd komt ? . . . scoe it mar net it
beste wèze, dat jou tawird, jouwe ?
Baes Jabik.
Mar Berber ! dat kin ommers nea, ... lis goede namme ...
Berber.
Och hwet! üs goede namme . . . moat it lok fen üs bern
üs net mear wirdich wóze as üs goede namme ?
Baes Jabik.
Mar Ojalt scil nea tawird jaen en is it den net folio
better, dat hja dalik mei\'noar ophalde.
-ocr page 34-
30
Berber.
Hear ris, Jabik! jou fielc like goed as ik, dat it foar de
rust fen üs bern al to let is om it to kearen en hwet Gjalt-
boer oangiet, jou witte net Invet \'r raülk barre kin, om him
ta oare tinzen to bringen.
Baes Jabik.
Mar \\vy kinne it lok fen üs bern dóchs net fen inkcl
tafal óf hingje litto.
Berber.
Mar ek likemin it lok fen üs bern weismite, om sa\'n
gjirrigo styfkop as Gjalt is.
Baes Jabik, (noartsk.)
Nou, den moasttou it mar witte.
B e r b e r.
Nó, wy moatto it mei\'noar witte en mei\'noar oerlizze;
wy boege dêrom net lilk op \'noar to wirdcn; \'t is my like
folie tsjin \'t boarst as jou, dat it sa rint; mar ik koe ek
like min as jou ynsjean, dat it sa rinne scoe; mar dat
docht nou neat mear oan de saek óf ef ta, dat is mar nei-
praten ; wy moatte nou mei de omstanniehbeden to riede
gean en dêrfen it beste sykje. Nou liket it my, foar de
rest fen Feikje, it beste ta, dat wy mar tawird jouwe, bwent
dogge wy dat net, den bin ik net sünder angstme foar hjar.
Baes Jabik.
En binne jou dat wol, as wy al tawird jouwe, tinke jo
foar fêst, dat den hjar lok festige is ?
Berber.
O né, Jabik! dat lang net; ik leau like min as jou, dat
Gjaltboer it lije wol, mar sa as ik niis al sei, min wit net
hwet \'r mülk eris barre kin en buten dat, Rjuerd wirdt
ienkcar mearderjierrich, den is \'r syn eigen baes en as hja
it elkoar goed miene, den kinne bja ek sa lang wol wachtsje.
Baes Jabik.
Ja, dat is sa, mar den is it ek mülk, dat Gjalt hitnont-
-ocr page 35-
31
makket hwet \'r fen rjuchtswci kin en dat scoe wrachtich
net aerdich wêze.
Berber.
Dêr habbe jou gelyk oan, mar lit it jild \'r nou ris buten
bliuwe, it jild allinne makket ominers gjin lokkige houliken
en leau mar wis, dat Feikje Rjuerd ek like ljeaf ha scoe,
as \'r gjin jild hie on sa mülk nóch ljeaver.
Bacs J a b i k.
Dat mei yn theory moai lykje ... ik leau lykwol, dat
it yn \'e praktyk net opgiet.
Berber, (laeitsjende.)
Wol, wol, Jabik! hwor helje jou dy stêdshüswirdcn wei,
ik leau wrachtich, dat jou noch wol lid fen \'e rie wirdo
koenen, as jo mar hwet mear jild hiene.
B a e s Jabik.
Hear ris, Berber, om üs sels bigear ik gjin mear jild,
wy habbe üs Godtank altyd redden en scillo üs hoopje \'k
ek wol fierder redde; om lid fen \'e rie to wirden, hoech
ik ek gjin mear, mar om it lok fen üs bern, scoe ik wol
graech hwet mear habbe wolle ; hwent tink ei is ta: as
Rjuerd eris neaken en bleat \'r üt komt, hwèr scille Feikje
en hy den wei bigjinne.
B e r bc r.
En hwêr binne wy den wei bigoun, hicnen wy sa\'n
great kaptael, do wy trouden ?
B a e s Jabik.
Ja, nou, dat is ek sa, mar alle froulju binne ek net sokke
goede hüshaldsters as jou, nienike !
Berber, {goedlik.)
En alle manljue kinne de flesse ek sa goed net stean
litte as jou, heit!
Baes Jabik.
Mar dat is ek troch jou kommen, wyf ke, jou ha my dat
leard.
-ocr page 36-
32
Berber.
Och! ik ha der noat gjin droktme fen hawn, mar dat is
nou dèr oan ta ... leau mar frrj, dat Feikje ek wol in
beste hüshaldster wèze scil en Rjuerd giet ommers ck foar
in tige oppassende feint. En buten dat, lija hoege ek net
alhiel fen \'e miet óf to bigjinnon; Gjalt kin Rjuerd nea
alles ontmeitsje en wy kinne üs bern ek nocli wol hwet
meijaen.
B a e s J a b i k, (laeitsjende.)
Ha, ha, ha! wy üs bern hwet mei jaen, ja, in goede rie
en miilk kin ik ris in kachel foar hjar meitsje en in turf-
bak en in tange en mear sokke spillen; mar jild ha wy
ommers net, mem; cf babbe jou noch in sparpótsje efterüt ?
B e r b e r, (flaeyende.)
Ilear ris, heit! ik wol jo noch wol ris hwet sizze, mar
scoene jou den ek lilk op my wirde kinne ?
B a e s J a b i k.
Né, nea mem! ik wird nea wer lilk op jou.
Berber.
Nou den, (hja giet net de sekreteare, kriget der in boekje
tit, jout dat Jabik oer en seit
•") sjocli dêr den earst ris yn.
B a e s Jabik, (mei forwiindering.)
Mar dat is ommers in sparbankboekje op Feikje hjar
namine ! en hwet stiet dêr al in greate somme yn, ho binne
jou dèroan komd ?
Berber.
Och, jou wito wol, . . . jo wirde net lilk in \'t wier?...
jou wite wol, dat jo it earste jier nei üs trouwen alle dagen
twa slokjes krigeuu; dat hindere my wol hwet, mar ik
doarst \'r noat fen sizze; ik wier bang, dat jou dat net goed
opniimne scoene en ik hie jo to ljeaf om jo lilk to meitsjen;
ck tocht ik: Jabik swit altyd sa fen dat swiere wirk, mülk
is sa\'n slokje ek wol goed foar him. Mar do üs Feikje
berne waerd en jou der sa tige bliid mei wieren en my
-ocr page 37-
33
alderhande ljeavo nammen joechen, do tocht ik : nou is it
tiid om ris by Jabik oan to klopjen. Jou wite noch wol,
dat ik do tsjiii jo sei: ja feint, dou biste nou al tige bliid,
mar tinkste \'r wol om, dat dat fanke üs ekjild kostje scil?
Jou anderen der do op: dat is net oars, momke, dêr it iene
wei komt, der scil ek it oare wol wei komme, en kinncjo
oars net ütkoinme, den moat ik mar hwet minder hawwe.
Jou minder hawwe ? . .. ik wer. . . mar jou moatte ommers
döchs jo liif fol iten on drinken ha en dy twa slokjes alle
dagen kinne jo ek, by dat swiere wirk, net best misse.
O, Jabik! ik trille \'r fen do dat \'r ut wier, sa bang wier
ik, dat jo my dat kwea ofnimtne scoene en sa üs i!lder-
bliidskip yn iencn fortribele wirde scoe; mar Gódtank, it
gong goed. Ik seach wol, dat jo hwet ynbannich waerden,
mar jou bliuwen tsjin my liko ljeaf en goed as eren en
sont dy tiid habbe jo nea wer oan \'e nesse west. Dat, myn
Jabik, bisparre üs alle dagen in dübcltsje en dy dübeltsjes
haw ik tweintich jier lang alle dagen opgarre en yn \'e
sparbank brocht. Dat joech alle jieren seis-en-tritich goune
en fyftich cinten en dat mei de rinte dêr by, is yn twein-
tich jier in aerdich somke wirden. Nou, hwet sizze jou
dêr nou fen ?
B a e s Jabik, {tige aandien, Teriget
Berber by de hun,
pattet dy en seit:)
Datstou in alderljeafste, beste Berber biste en dat ik my
yn alles noi dyn ynsjean skikke scil; ek yn de frijerij fen
Rjuerd en Feikje.
IT GERDYN FALT.
3
-ocr page 38-
2e BIDRIUW.
Smids Feikje.
It toaniel is de selde wenkeamer fen Baes Jabik; it is
Sneintomoarn.
Smids Foikjesit allinne, alhiel forsutere, yn hjar moarna-
klean by de tafel tD naeijen oan in jurkje.
Sa wirdt it gerdyn ophelle.
F e i k j e, (mei- in sticht.)
Och sei! Invet fiel ik niy nuwer, Invet is de holle my
raer; ik toelite yn myn wirk Invet oflieding to finen, mar
dat wol ek net flotsje; nou, it is ek Snein, den mei min
ek net arbeidsje; ik woe oars dat famke fen Oebele en
Tryn moarn sa graech nei skoallo ha en den inoat earst
dit jurkje ré wêze, ik haw dat de hearen fen folksiinder-
wiis ek ontlijitten. Mar nou kin ik net mear, de holle is
my sa frjeamd, ik moat joun by de lampc mar ris sjean
bwet ik kin; it is ek gau foart oudien. (H\'ja hit it naeijen
oan
\'« kant, giet oerein en seit:) Kom, ik scil de koffy
mar ré ineitsje; mem scil wol bast ut \'e tsjerke komme en
den scil heit ek wol tbüs wêze; ik leau dat dy efkes om
in boadskip gien is, mar lnvêr hinnc wit ik net. (Hjajit
iretter yn
\'e ko/fijkanne, mar forjit om \'r koffy en sakery
by to duwen, hja seit ünderwiles:)
Hwet moeit it my, dat
ik myn beste illden jisterjoun sa\'n raer biskie jown ha, dat
habbe hja net oan my fortsjinne ; mar o! it fait sa swier,
as min dreamt fen in lummel fol lok en min den sa yn
ienen wer yn dit skrillo libben torêch fierd wirdt. {De
koffy stiet ré en hja giet wer sitten.)
Hwet scil Iljuerd it
-ocr page 39-
35
jisterjouno ek binaud hawn ha, do Gjalt him forbca om
nei my ta to gean. It is \'r dor hird troch skürd, dat kin
ik wol tinko, oars hie \'r my dit briefke net skreaun, {hja
hellet in briefke to foarshjn)
dat Gjalt him drige hio mei
untervjcn, as er syn sinnon net fen my ófsetto. En döchs
wol \'r net fen my öfsjoan, skriuwt er, omdat \'r buten my
net lokkich wirdo kin; ljeaver wol \'r oars alles forlieze, as
my misse. Hy liilldt den wol in bulte fon my, en o! dat
docht my sa\'n goed; ik woe ek wol foar him troch itfjür
rinne. Mar mei ik wol fen him oannimme, dat \'r him sels
om my yn earmoed jout en mei svvier arbeidsjen de kost
winno moat? Scoe ik him dat lijen troch myn ljeafde wol
forgoedsjo kinne ? O! it is leau \'k better, dat ik om him
myn eigen lok farre lit. It scil my o! sa swier falie om
fen Bjuerd of to sjean, om iensum en forlitten myn lib-
benswei fierder to biwandeljcn, mar ik moat den myn treast
mar sykje, earst en \'t meast yn de ljeafde fen myn beste
ïilden, sa lang as dy noch foar my sparre wirde, en oard
yn it woldwaen oan oaren. Der stiet biskreaun: de ljeafde
formei alle dingen; as dat wier is, den moat Rjuerd syn
lok by my boppe alles gean, oars haw ik him net yn wier-
heid ljeaf. Hy freget my om briefwixeling mei\'noar to
halden en dy elkoar bisoaigjc to litten troch Jochems ïetsje,
dy \'t my dit briefke ek brocht hot; nou, ik scil him dêrop
anderje en in briefke foar him by Tetsje bringe, hwèryn
ik him syn wird werom jouw. Ik scil him skriuwe, dat
\'r om my net carm wirde mei, dat ik dat net oer myn
herte bringe kin . . . dat \'r buten my mülk noch wol
greater lok foar him weilein is . . . en dat \'r dêrom mar
dwaen moit, hwet syn heit fen him easket ... En den,
(hja bigjint to skriemen) oan \'t ein fen \'e brief . . . scil ik
skriuwe . . . dat ik de Himmelheit . . . bidde scil . . •
foar him om lok en seine ... en foar my sels . . . om
kreft . . . to krijen . . . nei krus t . . en den op \'t lest
-ocr page 40-
:-M>
. . . seil ik him sizze . . . dat ik him . . . iwich . . .
iwich . . . ljeaf . . . habbe . . . scil ... en trimmen . . .
oars ... as him! . . . (hja boarst yn snikkerjen i\'it, docht
de skeldoek foar de eagen en leit de holle foardel op
\'e tafel;
nou is
V earst in umerij stiltme, mor koart dêrop bigjint
yn \'e fierte it oargel to spyljen de ivize feu Psalm V&\'ó en
it tsjerkefolk to sjongen :
Waar liefde woont, gebiedt de Heer den zegen;
Daar woont Hij zelf, daar wordt Zijn heil verkregen,
En \'t leven tot in eeuwigheid. (*)
(Feikje bliuwt earst noch htret mei de holle op \'e tafel
lizzen, mar stekt dy dêrnei süntsjes wei omhegen, faget
de triennen wei en lüstvrt; nou haldt it spyljen en it
sjongen op, hwêrnei hja seit:)
Dat wier it léste sjongen
fen it tsjerkefolk ; o ! ho moai klonk dat, mar tagelyk ek, ho
wreed. Hwèr ljeafde wennet, dêr gebiedt de Hear syn
seine . . . ja, sa meije hja sjonge, dy de ljeafde, dy \'t hja
yn hjar herte ha, frij en ünbilimmere üterje meije; mar
ljeafde, oprjuchte ljeafde to hawwen, in ljeafde, sterker as
de dea en dy smoarre to moatten . . . o! den kin min sa
net sjonge, mar den riist yn yen\'s binnenste op it kleiliet:
(hja sjongt):
Wize: De Slaaf.
Hear myn suchtsjen, hear myn kleijen,
Minskefrjeun ! och, sjoch myn trien ;
Mei myn ljeafste net to meijen,
Weacht op \'t hert my as in stien.
Himmelheit! och, sjoch myn leed;
Help my döchs ut dizze need ;
Hear myn suchtsjen, hear myn kleijen,
Help my dóchs ut dizze need.
(") Dit spyljen uu sjongen wirdt efter cic skermen Uien.
-ocr page 41-
37
\'t Ljcafdefjür fortaert myn herte,
Neat, dat dat forkoelje kin;
\'t Libben wirdt m\' in se fon smcrfce,
\'t Stjerron wier foar my gewin.
Himmelhoit! hear myn geklei,
Nim my ut dit libben wei;
\'t Ljeafdefjür fortaert myn lierto . . .
Nim my ut dit libben wei.
(Hja leit de holle toer foaroer op \'e tafel en sa komt
Berber op; hja komt thiis ut
\'e tsjerke, mei de Sneinseklean
oan ; hja sjoeht frjeamd op, dat Feikje mei de holle op \'e
tafel leit en noch neat yn
\'e leeamer oprêdden het.)
Berber.
Moarn Feikje? . . . mar ho nou fanke! hwêrom leiste
sa mei de holle op \'e tafel, biste net goed, hwet skeelt \'r
oan ? it stiet \'r hjir ek allegearre noch like bryk foar, de
keamer is noch net oprêdden en dou biste ek noch net
forklaeid; jonge! jonge, hwet is dat raer; as ik dat witten
hie, den hie ik net nei tsjerke gien; as wy nou eris
koffydrinkers krije, den binne wy ommers doa forlegen;
hwet skeelt \'r dóchs oan, het dy frijerij dy nou sa yn \'e
maling nomd, datstou net ienris mear wiste hwetste dochste ?
fij! fij! dat is men oars net fen dy wend.
F e i k j e, (stekt de holle op.)
Och, mem! de holle is my sa raer, och! kibje nou net
op my; it wirk is noch net dien, dat wit ik wol, mar de
koffy is ré en it hüs is gau hwet oanfage.
Berber, (hja set it hoedsje óf en
siket feger en blikje.)
Mar dat moat ik nou dwaen en dêr haw ik oars ut \'e
tsjerke wei gjin nocht oan.
F e i k j e, (giet oerein.)
Nó! ik scil \'t wol dwaen, mem moat mar gitten gean.
-ocr page 42-
38
Berber.
Ei fanke! lio komste der by, dou moaste mar gau nei
efteren gean en dy waskje en forklaeije; as hjir sa imtnen
yn kaem, dy scoe tinke, datste net goed by dyn sinnen
wierste, sa raer hinget it hier dy om e holle.
F e i k j e, (mei in wylde laeits, ivylst
hja it jurkje, hwêr hja oan
naeide, yn \'e hoeke fen \'e
Jceamer smyt :)
Ha! ha!! ha!!! ik net goed by myn sinnen, dat moat
\'r nou noch by kom me; jonge! dat is moai bitocht, ha!
ha!! ha!!! den habbe de lju ek wer hwet to rabjen ; hja
roppe nou al: Smids Feikje is in greate melappe, lit hjar
nou ek mar fortelle, dat ik gek bin; dat komt Ojalt tige
by tige to pas; hwent it sprekt as in boek, om syn soan
trouwe to litten mei immen dy earm is en noch gek op
\'e heap ta, dêr kin neat fen komme ; ha ! ha!! ha !!! dat
fait \'r moai foar him yn. (Hja giet wyld laeitsjende of.)
Berber, (allinne ; troch it ünge-
woane fen Feikje hjar
dwaen alliiel forbüke, Ut
hja fen kjelmte feger en
blikje op \'e groun falie)
Och sei! hwet scil üs nou oer komme ? hwet is Feikje
bjustere raer; ik sei it \'r sa mar los wei hinne, dat min
hast tinke scoe, dat hja net goed mei de holle wier en nou
liket it hast wol, dat it wier is; och ! och ! as üs dat oer
\'e holle hinget, den binne wy djip ungelokkich. (Hjanimt
feger en blikje wer op en bigjint to hüs-oanfeijen.) Ik woe
wol, dat Jabik mar thüs wier, it wirdt my hjir sikerwier
allinne to eang.
B a e s Jabik, (komt op.)
Moarn Berber . . . ho is \'t nou ! binne jou noch sa yn
\'e skrep?
-ocr page 43-
39
Berber, (hdldt efkes op mei feijen
en seit, mei triennen yn
\'e eagen):
Och ja, Jabik; it is nou sa\'n rare boel, ik wit net, ik
wit net, raar it liket my nou sa tsjuster ta!
Baes Jabik.
Ho nou sa?
Berber.
Nou, it wit net ... do ik ut \'e tsjerko kaem, wier hjir
alles noch allyk yn \'e hüs, dêr wier neat oprêdden, de
keanier net ieriris oanfage, de koffy wier al ré, mar it thé-
goed fen to moarne stie noch smoarch op \'e tafel en Feikje
siet \'r by, noch yn hjar moarnsklean en lei mei de holle
op \'e tafel.
Baes Jabik.
Och nou! jou moatte hjar tsjinwirdich hwet tajean, hja
is oars nea sa, mar do holle mealt hjar nou hwet.
Berber.
Mar just, omdat hja oars nea sa is, bin ik nou sa bang.
(Hja bigjint wer to feijen)
Baes Jabik.
Och, kom! raeitsje nou gjin swierichheid foar neat; hja
is jisterjoun toleursteld, troch dat Rjuerd net komd is on
nou het hja fen nacht niülk net folie sliepen en binne
dêrtroch hjar sonuwen in bytsje oerstjür ; lit hjar mar hwet
mei rest, den scil dat wol gau hwet bikomme.
Berber, (hdldt wer op mei feijen.)
Ja, mar jou witte net ho raer hja hjar niis alsa oan-
stelde.
Baes Jabik.
Wier hja den lilk?
Berber.
Né, lilk just net, mar do ik \'r in lyts wirdsje fen sei,
dat alles noch allyk wier, is hja sa wyld bigoun to laeitsjen
-ocr page 44-
40
en to skatterjen on hie derby sok frjeamd praet, dat ik \'r
hast bang fon waerd.
Baes J a b i k.
Ei nou! jou moasten ck not op hjar kibbe ha.
Berber, {tige moeilik)
Mar ik haw net op hjar kibbe, Jabik; ik haw allinnc
mar sein, dat lija hjar liwet forklaeije moast, underwiles ik
it hüs oanfage, omdat \'r ek wol ris in koffydriuker komme
koe en it den sa raer like ; haw ik dor nou sa oan misdien ?
Baes Jabik.
Wol né, mar sa mien ik it ek net; kom oan, meitsje
nou mar gau ut \'e rüchte it wirk dien en gean den hwet
by my sitten, den drinke wy hwet koffy en prate \'r net
mear oer; lit Feikje mar hwet yn hjar eigen dwaen, den
scil hja wol better wirde. {Hy giet sitten en stekt de lange
piip oan.)
Berber, {hja het it hüs oanfeijen dien,
berget feger en blikje wei, him-
melt it thégoed gau hwet óf en
giet ek sitten ; hja scil ynjitte,
mar nou hja de krane f en \'e
koffykanne omdraeit, komt der
Mear wetter üt, ynpleats fen
koffy; hja seit:)
Sjoch my dat ris oan, Jabik! Feikje het sa wier gjin
koffy en gjin sükerei yn \'e kanne dien; it is sa \'t liket
allegearro by hjar yn \'e war.
Baes Jabik.
Nou, it is raer, ik wird sikerwier ek hast ungerest.
Berber.
Ja, it is net goed mei hjar, der kinne jou grif op oan,
mar ho scil \'t nou, nou liabbe wy gjin koffy en \'t wetter
is ek fen \'e kok. Der stiet noch in tsjettoltsje fol fenjis-
terjoun, dat mei ik wol gau hwet opwaermje. {Hja docht
-ocr page 45-
41
sa, mar nou hja oerein giet, om de koffykanne mei wetter
wei to setten en it tsjetteltsje mei koffy to kryen, fait hjar
each op Feikje hjar naeijen, dat noch yn \'e hoeke fen
\'e
keamer leit; hja kriget dat op om \'t to bergjen en nou fait
der it briefke i\'tt, dat Tetsje foar Rjuerd oan Feikje brocht
het; hja nimf dat op yn de iene hdn en giet nei de tafel,
mei it koffytsjetteltsje yn de oare hun; hja set de koffy op
\'t fjür en jout Jabik it briefke oer, hja seit derby
:) Sjoch,
hwet scoc dat wêze ?
liaes Jabik, (sjocht it briefke yn.)
Dat is in briefke fen Rjuerd, dat het hja grif fen\'e moarn
fen hein krige; hy skiïuwt dèryn, dat Gjalt him forbean
het, om nei hjar ta to gean on dat \'r him drige het mei
üntervjen as er net fen hjar óf seach ; nou witte wy yn
ienen hwêr de knotte fêst sit.
Berber.
Dat scoe \'k tinke; mar skriuwt Rjuerd nou ek hwet \'r
fierder dwaen scil ? ef sjocht \'r nou fen hjar óf?
Baes Jabik.
Né, dat net; wol skriuwt \'r, dat \'r nou yn de earste tiid
net by hjar komme kin ; mar hy wol briefwixeling mei
hjar balde en dy brieven elkoar bisoargje litte, troch
Joehems Tetsje.
Berber.
Den scil Tot dizze brief hjar ek wol brocht ha; mar ho
scillo wy nou mei dy brief?
Baes Jabik.
Dy moatte jou mar bergje en hald jo den mar dea stil;
fregct Feikje der letter nei, ef tinke jou, dat hja dêrom
sikot, den kinne jou \'m hjar werjaen.
Berber, (hja nimt de brief irer fen Jabik
oan en leit him yn \'t tafelslaed.)
Ik leau ek, dat dat it beste is, (mei wirdt \'r oan \'e doar roppen.)
........Folk yn ?........
-ocr page 46-
42
Berber.
Hea, Jabik ! der wirdt „folk" roppen en it is krekt, dat
it Gjaltboer syn lüd is, hwet scil üs nou oerkomme ?
Baes Jabik.
Wol! hwet scoe lis oerkomme, wy hawwe neat op üs
lea, lit him mar ynkomme.
Berber.
Ja wis! dat kin net oars ; ik bin bliid, dat Feikje nei
efteren is, as hja dêr nou sa lang mar bliuwt, dat Gjalt
wer foart is. (Hja giet nou nei de doar en seit:)Kom mar
yn asjebljeft.
G ja 11, (komt op.)
Moarn jimme, binne jimme yet soun ?
Berber, (hja jout Gjalt in stoel.)
Moarn boer, ja, dat skikt wol, bo is \'t mei jou .. . gean
sitten asjebljeft.
Baes Jabik, (hwet noartsk.)
Moarn Gjalt, hiene jou boadskip ?
G j a 11, (wylst hy sitten giet.)
ïfou baes, boadskip just net, mar dêehs woe ik jou wol
efkes sprekke.
Baes Jabik.
O, so! dat is hwet oars, ik tochte, dat jou in nedich
kerweike foar my hienen.
Gjalt.
Fij baes ! ho komme jo der by en dat op Sneintomoarn ? !
\'t "Wier better, dat jou Sneins nei tsjerke gongen, lyk as
jo wiif.
Baes Jabik.
Dat scil wol wier wèze, mar it kin somtyds ek wol ris
net wier wêze; as ik in oar op Snein helpe kin, den doch ik dat.
Gjalt.
"Wier is \'t altyd. Gedenkt den Sabbath, dat gij dien
heiligt; sa stiet \'r likernöch yn \'e skrift.
-ocr page 47-
43
B a e s J a b i k.
Mar dat is ommers in gebod oan de Joden, dèr habbe
wy net mei to ineitsjen ; ef wolle jou de Snjoun ek yn
liddichheid troch bringe ? Ik haw oan ien liddige dei yn
\'e wike al enócb, hoar.
Berber, (hja jout Jabik under
de tafel troch in shop en skod-
hollet hint ta, hja seit:)
Fij Jabik! sok raer praet; ho scoe Gjaltboer nou habbe
wolle, dat de Snjoun ek as Snein brükt wirde scoe, dat
witte jou ommers ek wol botter, (tsjin Gjalt) Wol ik de
boer ek in kopke koffy ynjitto ?
Gjalt.
Tank jou, Smidske; ik haw by Domeny\'s hwet koffy-
dronken en ik haw ek net folie tiid, hwent ik moat, fen
sels, eftermiddei wer nei tsjerke.
Berber.
Nou, ik doarst it jo ek hast net oanbiede ; hwent ik moat
mar sizze, üs koffy is net hiel lekker; wy hienen jisterjoun
hwet oerhalden en dy haw ik nou hwet opwaerme en den
is it beste der óf.
Gjalt.
Och ! dat wier oars net sa slim; min kin ek wol tinke,
dat it sokke lju as jimme not barre mei, om jimmer mar
wer nij op to skeppen; as alle earme minsken \'r sa oer
tochten, dat de stealtjes ek brükt wirde moatte, den wier
\'r lang sa folio earmoed net.
B a e s Jabik, (tige noartsk.)
Hwet wolle jou der mei sizze, Gjalt! en hwêroer woene
jo nou eigentlyk mei my prate ! Earst habbe jou my al
oer \'e hikkel bello, omdat ik net nei tsjerke west ha en nou
wolle\' jo üs sa hiel leech lizze, troch us sa glüpende wei fielo
to litten, dat wy mar earme minsken binne; hwet habbe
jo dêrmei yn \'t sin ?
-ocr page 48-
44
Gjalt.
Och ueat, it komt nou sa to praet oer \'e koffy en dêryn
foun ik oaulieding om \'r op to wizen ho nuttich as \'t is, dat
in earm niinske kloek en sunich is en tofreden mei it jingo
de Hearo liim yn syn stan takomme lit. It is ek netallinne
yn \'t iten en drinken, hwêryn men yen somtyds to buten
giet; as in earnie lju\'s bem, in rike lju\'s bern mei frijerij
oan \'t lyntsje siket to krijen, dat is noch folie slimmer.
B a e s J a b i k.
Jou masten dêr nou noch by sizze: lykas jimme Feikje
üs Rjuerd siket to fangen, hwent dat miene jo dóchs.
Gjalt.
Den witte jimme \'r wol fen, dat jimme fanke it sa op
Rjuerd forsjoen het en jimme geane dat net tsjin ?
Berber.
Wy wisten, dat jou soan jistorjoun by Feikje komme
scoe, mar hy is \'r net west.
Gjalt.
Den witte jimme ek wol, dat hja jouns wol mei\'noar
omslingerje ?
Berber.
Wy witte wol, dat hja elkoar okkerjouns by tafal mette
ha en dat Rjuerd Feikje do tluis brocht het; as de lju dat
nou mei\'noar omslingerjen neame wolle, dat moatte hja
witte; en as jou dat leauwe wolle, dat moatte jou witte;
wy witte lykwol, dat it net wier is.
Gjalt.
Nou, wier ef net wier, dat kin my neat male, mar hja
habbe dóchs by \'noar west en as ik it jisterjoun net keard
hie, den hie Rjuerd al wer by hjar kommen en dat hjir
wol oan bus! . . . Jimme lykje hjar wol yn dat forkeardo
to stypjen en dat wol ik net langer duldsje. As jimme net
oppasse, dat hja by \'noar wei bliuwe, den wird ik needsake
om hwet to dwaen, dat ik oars net ljeafst wol.
-ocr page 49-
I.
45
B a e s J a b i k.
En hwet is dat den ?
Gjalt.
Den moat ik jou it wirk onthulde.
13 a e s J a b i k, {tige Mik.)
Flean dou den mei dyn wiek, foar myn part, \\vy scillc
lis buten dy ek wol redde.
B o r b e r.
Net sa lilk wirde, Jabik! ... f ij! bidaerje jou hwet, dat
giet sa al to mal.
B a e s Jabik.
Nou, hwet mient dy kearel den ! habbe jou Feikje net
fakcr noch oanredt, om fen Rjuerd óf to sjean en kinne wy
it helpe, dat \'r hjar wer" opsiket ? As Rjuerd net better
wier as syn heit, den scoe ik it mei alle gewelt keare, as
hie \'r den ek hiïndorttüzen goune mear as nou, hwentden
wier üs Feikje fiersten to goed foar him; mar ik haw neat
op dy jongkearel tsjin en lit dêrom dy gjirrige aep sels op
syn soan passé, as hy it net lije wol dat \'r hjir komt.
Berber.
O, Jabik! myn goede man, bidaerje jou dóehs, ouh!
meitsjo jou net sa lilk en jo moatte ek net sokke rare
wirden tsjin de boer sizze.
G j a 11.
Och, smidske ! lit him mar bigean ; ik kin, nei it foavbyld
fen \'e Heare, eigen leed en fordrikkinge duldsje en fordrago ;
mar ik mei it net tastean, dat myn soan him forslingere
scil oan sa\'n melappe.
Berber.
Mar boer! dat kin it memmeherte ek net mear forkropje ;
üs Feikje is gjin melappe; hja meije \'r sa goed wêze,
better en sediger fromminske is \'r net.
Gjalt, (spltich.)
In moaije sedigheid . . . jouns, by tsjuster mei de manlju
omslingerje.
-ocr page 50-
I
46
Baes Jabik, (springt oerein.)
Siz dat nóch cris! don fine divol astou biste.
B e r b e r, (ek oerein, kriget Jabik
beet.)
Jabik! Jabik! och meitsje it nou net to raer, bring jou
sels en üs net yn ünk en lijen.
Baes Jabik.
Ik scil him de doar ut smite, dy skurk!
Gjalt.
In skurk is \'t, dy \'t, om him sels to forrykjen, it foar
goed oansjoeht, dat syn eigen dochter lijar eare to grabbel
smyt.
F e i k j e, (komt op mei it hier los en de
klean heal oan, forwuldere en
raer ; hja het troch it geande wei
lüder praten, it léste f en it petear
heard en nou ropt hja met in Inde
skrille stimme, ünderwiles hja hjar
mem om \'e hals fait:)
Ik myn eare to grabbel smite ... o, mem! . .. ik myn
eare kwyt! . . . (hja fait dêrop yn ünmacht en Berber
fatigt hjar yn de earmen op; Gjalt nol noch Invet sizze,
mar nou pakt Jabik him by de earm.)
Baes Jabik, (wylst \'r Gjalt fen de
stoel lukt.)
Der ut! dou stjonkort! dèr ut! siz ik dy !! (Berber wol
Jabik noch keare, mar hja kin net, omdat hja Feikje net
los litte kin; Jabik hdldt fol, walst
V Gjalt oanfiert:)
Dêr ut! dêr ut sistou !! (Gjalt keart noch tsjin en non
pakt Jabik him foar goed beet en smijt him buten doar.)
IT GERDYN FALT.
-ocr page 51-
3e BIDRIUW.
Hwet Dokter seit.
FJOUWER WIKE LETTER.
It toaniel is teer de selde wenkeamer feu Baes Jabik.
Baes Jabik, yn syn wirkklean, sit mei syn wiif en mei dokter
Aegema by de tafel. Sa wirdt it girdyn ophelle.
Baes Jabik, (rikt dokter de beker
mei sigaren oer.)
Asjoubljeft, dokter! stek nou ris oan, jou habbe nou wol
efkes tiid, oars net ? »
Berbe r.
Ja, to dokter, den scil ik jou in kopke koffy ynjitte.
Do k t e r.
Nou, to den mar, in ketierke kin it noch wol lije, mar
langer ek net; ik nioat joun noch ris nei buten, nei alde
Kjuerd üosses, dy het my to raiddei freegje litten, as ik
der jouii ek komine koe.
Berber.
Och, hea! is alde Rjuerdoin siik, dokter?
Dokter.
Dat wit ik just net, dêr is my neat fen sein en ik haw
der ek net nei frege; de alde is wol gau ris net rjucht
yn \'e heak, to minsten sa \'t \'r mient, howol ik leau, dat
it ineast fen syn sittend libben komt en troch forfeling.
It is den ek al folie, dat him neat skeelt as ik by him
bean wird; mar den moafc ik altyd hwet by him sitte,
-ocr page 52-
4S
moastal to skakeu ef to dammen, ünder in pypfol tabak
en in glês wyn. Ik freegje sa dwaende ek nea mear
Invet \'r oan «keelt, as \'r immen feu Rjuerdoin om my
komt, mar skik it jimmer sa, dat ik in ure foar him oer ha.
B a e s J a b i k.
Dat scil jou döclis wol ris hwet lêstieh wêze, dokter?
Dokter.
Dat is it somtyds wol, mar as ik oaro droktme ha, den
moat Rjuerdom wachtsjc; ik gean den ek nea nei him ta,
foar dat ik myn oare droktme oan \'e kant ha en komt \'r,
as ik by him bin, ünforwachts hwet to dwaen, den wit
myn wiif wol hwêr hja my fine kin.
Berber.
Is de alde der den wol mei iens dokter, as jou foart
moatte ?
Dokter.
Dat spant \'r wol ris om, hy kin don wol ris tige kibje;
okkerjouns habbe wy it noch hawn, do it famke fen
üebele\'s foar dea ut \'e feart helle waer, dat wy midden
yn it skaekspil sieten. Ik moast der dalik hinne en lei
it skaekspil del; mar och sei! hwet wier de alde do
prottelich. Hy sei: ja dokter, nou jou sjogge, dat jo it
forlieze moatte, nou geane jo hinne, dat is net earlik, hear!
en hy woe my hast gjin joun sizze.
B a e s J a b i k.
Kin alde Rjuerdom den sa goed skake, dokter?
Dokter.
Och, hwet scil ik sizze; de measte spillen wint \'r fen
my, hwent as \'r it forliest, den stiet it net sa rum.
Berber.
Den scil dokter it him wol winne litte, tink ik.
Dokter.
Och, men moat sa hwet mei skipporjen troch \'e tiid, oars
net ? sa hwet draeijende wize; de hiele wrald draeit om-
-ocr page 53-
49
mers; en as ik de ald man dêr nou hwet wille mei jaen
kin, hwèrom den net; it docht him faek folie mear goed,
as dy bulte drankjes en pillen.
Baes Jabik.
Scoe dat by in bulte siken sa net wêzc, dokter P
Dokter.
Alles op syn tiid, baes; in hopen siken binne sünder
medecinen net to helpen, mar ik wit ek wol, dat in goed
wird ef in goede died somtyds mear help oanbringt, as al
dat doktersgoed. Der habbe jo nou jimme Feikje; dy is
tige by tige siik west; hja hie swiere koartsen en hjar
senuwen wieren derby alhiel yn ünstjür; ik bin in hiele
tiidlang bang west, dat it noch op hersensiiktme ütrinne
scoe, mar dêr foar is nou gj in gefaer mear; wy habbe de
koarts troch kreft fen medecinen oorwoun en hja is nou
yn rest.
Berber.
O, dokter! siz dat yet ris, scoe Feikje buten gefaer wêze ?
it memmeherte tilt sa swior, ik kin it hast net leauwe.
Dokter.
Buten gefaer, Smidske, ja, dat is hja, alteast buten dalik
gefaer. Om hjar lykwol alhiel klear to krijen, moat \'r
nou oars hwet dien wirde, as gewoan dokterjen. Jlja is fol
swierichheid, it liket wol, dat alle libbenswille der by hjar
ut is; dat is ünnatürlik by sa\'n jong faem. Nou hjar
siiktme fordwün is, moast hja wcr mei nije moed en nije
blydskip de takomst to mjitto sjean; mar yn pleats dêr fen
liket it libben hjar wol ta in lést to wezen. Dor skeelt
hjar hwet, dêr hja tsjin my net rjucht foar ut komt, mar
dat, nei myn oardiel, mear is to finen yn hjar sielstastan,
as yn hjar lichem. Kinne wy dor efter komme en dat ut
\'e wei rümje, den wirdt hja better, mar dêr foar helpe de
drankjes hjar net mear; kinne wy dat net, den moat hjar
lichem der ek mei ünder lije en einliks de slaeh forlieze.
4.
-ocr page 54-
50
Berber, (tige moeilik.)
Den bin ik bang, dokter, dat hja nea better wirde scil.
Dokter.
Jou tinke dócbs net, Smidske, dat ik jo hwetop \'e mouwe
spjeldsje wol ?
Berber.
O, né! dat net, sa moatte jou net tinke; ik woe mar
sizze, dat oan it jinge hjar skeelt neat is to foroarjen.
Dokter.
Den witte jou hwór hja oer sucht ? . . . dat is al in
hiele bulte woun.
Berber.
Ja, mar fierder komme wy ek net, liwent it middel dat
hjar helpe kin, is ibar hjar net to krijen.
Dokter.
Forklearje jou neijer, Smidske.
Baes Jabik.
Ik scil \'t jo wol sizze, dokter; Feikje het ljeafde opfette
foar in jong feint; in oprjuchte wolmionende ljeafde, mar
dy feint is ryk en kin troch ervjen noch folie riker wirde.
Dokter.
Ik tochte wol, dat \'r soks hwet efter sküle, mar den
libbet dy feint noch ?
Baes Jabik.
Ja,
dokter, oars koe \'r ommers net ervje.
Dokter.
Den is de greatste swierichheid al ut \'e wei; hwent fen
sels, as \'r dea wier, den koe hja him net krije. Mar nou
dat oare; jou sizze: dy feint is ryk en kin noch folie riker
wirde; is hy der sa folie minder om ?
Baes Jabik.
Né, dokter! dat net; en dóchs woe ik wol, dat \'r hast
neat hie, hwent den koenen hja \'r folie earder ta oergean
om mei\'noar to boaskjen.
-ocr page 55-
51
Dokter.
Ho stiet dy feint \'r sels Ander, sjocht \'r mülk, omdat \'r
wit, dat \'r ryk is, boppe oer Feikje hinne ?
Berber.
O, né ! dokter, ek dat net; Peikje scoe nea eagen op him
smiten ha, as hy hjar net foarkomd wier; hy het it ek
tige hird op Feikje bigrepen, mar sy n heit wol it mar hiel net lije.
Dokter.
Dat is al wer in swierichheid ut \'e wei, dat binne \'r al
twa; de feint dy \'t hja ljeaf het, libbet noch en dy het it
ek tige op hjar bigrepen, dat giet goed. Nou de trêdde:
jou seijen, dat syn heit it net lije woe; mei ik freegje,
hwêrom net?
Baes Jabik.
Wol, omdat in houlik mei Feikje net yn hjar stiln is, sa
\'t er seit. In rike boeresoan trouwe mei in smidsdochter
dy \'t wol net alhiel earm is, mar ek net folie jild het, dat
kin de brune net lüke, dat lit hjar eare net ta.
Dokter.
En den lit hjar eare wol ta, dat er syn eigen soan un-
gelokkich makket en jimme dochter der by. Hwet habbe
in bulte minsken al rare tinkbylden yn \'e holle, \'t Is wier,
in hopen trouwe \'r sa mar hinne, sunder \'r om to tinken
ho hja troch de tiid komine scille en dat is tige ou to
karren; mar alles op in bulte jild oankomme to litten en
oars nearne nei to sjean, dat makket in bulte minsken nóch
üngolokkiger; mar hokker is den dy rike heit, as ik freegje
mei p
Baes: Jabik.
Dat is Gjaltboer, fen \'e Westerbürren.
Dokter.
Ik hie \'t wol tocht en den is it syn soan Rjuerd, dêr
Feikje sa om kwynt; nou, dat is in beste jonge, folie better
as syn fromme heit.
*
-ocr page 56-
52
Baes Jabik.
Den kinne jou Gjalt ek al foar net sa\'n busten ien, dokter ?
Dokter.
Nou, ef ik liim kin; as \'r by hjarren immen siik is, den
wol \'r wol graech dat ik hjar help, mar om mj- letter to
biteljen, der tinkt \'r net om.
Berber.
Hea noch ta, sa\'n rike boer en dy net bitelje ? . . . dêr
hear ik frjeamd fen op.
Baes Jabik.
Mar Berber, sa liet \'r üs ommers ck hast altyd; it nije
jier is ek altyd al ryklik heal wei, foar dat \'r it alde bi-
tellet; hy is jimmeroan de léste; ik tink, dat \'r aldatjild
sa lang utsot om \'r sadvvaondo noch hwet rinte mei ut to
winnen.
Dokter.
It mocht hwet! . . . hy is \'r to earm ta, om oeral op\'e
tiid mei jild to kommen.
Berber.
Hwet sizze jou dêr ! dokter ?
Dokter.
Neat oars as de wierhoid.
Berber.
Dêr hear ik frjeamd fen op.
Baes Jabik.
En ik net minder, hwa scoe dat tinke !
Dokter.
O, ik kin jimme dêr wol mear fen sizze, mar ik wol \'r
gjin praet oer hawwe.
Baes Jabik.
Wêz dêr mar net bang foar, dokter, tróch üs scil \'r gjin
praot fen komme.
Dokter.
Dat bitrou ik, en omdat jimme dêr bilang by ha en
-ocr page 57-
53
foaral jimme Feikje, scil ik jimrae noch hwet sizze. Dat
erfpoarsje, dor jou niis oer praetten, baes, dat scil den wol
komme raoatte fen alde Rjuerdom, Gjalt syn swaeger;
mar dêr kin Gjalt better op wachtsje as op fesje.
Berber.
Hea, dokter, hja binne ommers swaegers en Rjuerdom
as ald feint het gjin neijer sibben.
D o k ter.
Dêr habbe jou gelyk oan, Smidske; hja binne wol
swaegers, mar dy sa fier ut \'noar rinne as nacht en dei;
Rjuerd mei Gjalt foar syn eagen net sjean; dy is him al
to fyn en to kliemerich, soit \'r, en derby net earlik.
Rjuerd sels is, lyk as wy wol witte, hwet rou, mar tagelyk
ek tige roun fen karakter. Den bardt it wol ris, dat Gjalt
him oer syn sonden en üngerjuchtichheden, sa as \'r it
neamt, tige ünderhaldt en him formoannet ta bikearinge
en den dürret it ornares net lang ef Rjuerdom bigjint fen
boppen of \'r op to timmcrjen mei to sizzen : dou fine divel !
pas mar op, datstou dyn eigen tüntsjo wjürdste en bitelje
my it jinge, datste oan my skildich biste .... Jimme
moatte witte, dat alles, hwet Gjalt hjit to hawwen, Rjuerdom
sines is en oan rinte biteljen tinkt Gjalt nea.
Baes Jabik.
Nou! nou! dêr kin ik gjin heechte fen krije, witte jou
wol, dat it wier is, dokter?
Dokter.
As ik dat net wiste, den scoe ik it jimme net sizze. Sa
as ik niis al sei, ik kom gau ris by Rjuerdom; ik leau,
dat \'r wol fen my haldt en howol \'r my ek wol ris tige
it lexem oplêzo kin, ek wol bitrou yn my stelt. Sa het \'r
it my sels forteld, baes, en der by sein, dat Gjalt nea fen
him ervje scoe. Rjuerd lykwol, scoe \'r net forjitte, hwent
dy jonge, der halde hy wol fen. Mülk is \'r ek wol in
bytsje namsiik, mar Gjalt! né, dy mei \'r foar syn eagen
•
-ocr page 58-
54
net sjean ; en as \'r it net liet om \'e minsken, ik leau siker-
wier, den wier hy \'r neat to goed ta, om Gjalt neaken ut
to klaeijen. Och sei, baes! hwet het \'r him \'r oer for-
makke, dat jou okkersnein to moarne Gjalt buten doar
smiten ha.
Berber.
Och, dokter! dat is net sa slim gien.
Dokter.
Nou, Stnidske, it is goed, dat jou dat hwet forsêftsje
wolle, mar ik wit it oare wol.
Baes Jabik.
Mar ho binne alde Rjuerdom en jou der efter kommen,
dokter? Ik miende, dat nimmen dat sjoen hie.
Dokter.
Dat het ek nimmen sjoen, mar Gjalt het it sels oan
Bjuerd forteld.
Baes Jabik.
Doarst \'r der ek noch oer prate ?
Dokter.
Wol wis! doarst \'r dat; hy wier fen sels ougriislike
lilk op jimme en dèrom het \'r tige syn best dien om hjir
in oare smid to krijen en jimme \'r ut to wrotten ; mar hy
wist wol, den moast \'r Rjuerd ta help hawwe, omdat dy
yn Jouwergea in greate earm het; sa dwaende is \'r mei
in bulte kleijen oer jimme by Rjuerd kommen.
Berber.
En het it him ek hwet holpen, dokter ? wy habbe mei
de siiktme fen Feikje oars nearne acht op jown en witte
\'r mar in bytsje fen hwet \'r 0111 giet; scoe Gjalt üs sa ek
ris yn \'t leech helpe kinne ?
Dokter.
Dat het gjin need, Smidske; Rjuerdom scil \'r him to
minsten net ta helpe en oars is \'r net folie need mearmei.
Jonge, dat moat sa moai gien wêze, do Gjalt him dygrap
-ocr page 59-
55
fortelde. Rjuerd liet him earst alhiel ütprate en do Gjalt
oan \'t ein wier, sei Rjuerd mei in tige kliemerige stimme:
in rare boel, swaeger, dat moat ik sizze; en dóehs eat,
der jou wol tankber foar wêze meije, hwent hwet is dit
in skoane gelegenheid foar jou, om jo frommens yn tapas-
siug to bringen en de Skrift op to folgjen, dy \'t üs leart,
dat min syn fijnen ljeaf habbe moat; en do \'rdat sein hie,
boarste \'r ut yn laeitsen. Gjalt is do gau wer ófmaske.
Baes Jabik.
Nou, nou! den is \'r der ek neat better wei rekke as
hjir; mar, dokter! Gjalt het syn soan drige mei üntervjen
as \'r net fen üs Feikje öfseach; as \'r nou neat het, den
kin \'r him ominers ek net üntervje, ho is dat nou mei
\'noar to rimen ?
Dokter.
Och, baes! dat is neat oars as bangmakkerij; Rjuerd
scil net sa lyk witte ho it mei syn heite saken stiet.
Berber.
Mar as it sa mei Gjalt stiet, hwet kin \'r den op üs en
op üs Feikje tsjin ha ?
Baes Jabik.
Ei, Berber! it gelove scil der ek wol hwet ta dwaen;
wy hjitte grou to wezen en Gjalt is ommen fyn.
Dokter.
Dat leau ik nou dalik net, baes; Gjalt mei him from
halde, it scil lykwol ek wol mei him wêze as mei dy
keapman, dy sei: „Ik ha in ryksdaelders geloof." As
Gjalt \'r ryk mei wirde koe, mülk wier \'r den wol grouwer
as jou binne.
Berber.
Mar den freegje ik yet ris, hwet kin \'r den op üs Feikje
tsjin ha ?
Dokter.
"Wol, oars neat as dat jimme nei syn sin gjin jild enöch
-ocr page 60-
56
habbe. Hear ris, ik wit \'r alles fen; Gjalt bitrout it erf-
poarsje fen syn swaeger net, ef ljeaver hy bitrout syn
swaeger sels net, omdat \'r wol wit, dat hy him net lije
mei; giet nou dat erfpoarsje syn noas eris foarby, den is
\'r earm, hwent den koe it ek noch wol barre, dat hy, it
jinge hy fen Rjuerdom het, nei dy syn dea noch wer op-
bringe moat. Om him nou üt dy forlegenheid to redden,
het \'r syn hope boud op in ryk houlik fen syn soan en
dêrfoar set \'r nou alle seilen by; it kin lykwol wol ris
spanne, dat \'r syn skipke yu in feilige haven stjürt.
Berber.
Ik kin net oars sizze, nou ik dat allegearre hear, haw
ik dóchs meilijen mei de man; hy is nou ienkear yn dy
swaei en kin sa \'t liket dêr net wer ütkomme. Jonge!
jonge! min wit foarüt net, hwêr min somtyds ta forfalle
kin; de omstannichheden meitsje faek de minsken. Dokter,
ik tankje jou \'r foar, dat jo üs dat forteld ha, myn oardiel
oer Gjalt is \'r troch forsêfto.
Baes Jabik.
Jou habbe goed praten, Berber, dat de omstannichheden
de minsken meitsje, mar witte jo wol, dat de omstannich-
heden üs Feikje ek üngelokkich meitsje ? Dat scil ik
Gjalt nea forjaen.
Dokter.
Dat jou dat net forjaen kinne, baes, der wol ik jo net
oer biskrobje; it mei den net alhiel nei do leare wêze, ik
fyn it net oars as naturlik. IIwet rjuchtaerde ülder scoe
it goedskiks oansjean kinne, dat it lok fen syn ienichst
bern fortrape wirdt ? . . . Mar in oare frage is it, ho jou
tsjinoer Gjalt wêze scoenen as it mei Rjuerd en Feikje
mei syn goedkarring noch ris to rjuchte kaem ?
Baes Jabik.
Den scoe ik alles forjitte en forjaen; en al wier it den
ek, dat Bjuerd hast neat oars oanbringe koe as syn
-ocr page 61-
57
goedlike aerd, den nóch scoe ik Gjalt as in goed frjeun
de han skodsje.
Dokter.
Moai sa, dat teikent de man fen karakter; ik Ine ek net
oars fen jou forwachte, baes! En nou nóch hwet: ik siz
jimme, alle hope is noch net forlern; ik wit nou de kwael
fen Feikje en ik bliuw hjar dokter en tagelyk jimme frjeun.
Ik mei ray dat bitrou wol taeigenje, oars net?
Baes Jabik.
Sünder twivel, dokter; ik hoef \'r net by to sizzen, dat
jou by de middels dy \'t jo brüke scille, üs eare heoch
balde moatte.
Dokter.
Der scil ik foar soargje, ha dèrmei mar gjin noed . . .
Kom, nou wirdt it myn tiid; it ketierke is al hwet lang
wirden; allinne dit nócli : Feikje moat strak werfen\'tbêd
óf en as \'t eat mülk is, eris in pear ure opsitte. (Hi/ giet oerein
en jout baes de han.) Joun, baes, it boste mei\'noar, hear!
Baes Jabik.
Joun, dokter! ek it beste, jou komme gau ris wer?
Dokter.
Ja wis. (Dernei jont V Berber de hun.) Smidske, ek it
beste, hald jo mar goed, hear!
Berber.
O, ja, dokter! ik scil my wol goed halde, ik wol alles
wol duldsje en drage, as ik myn Feikje mar bihalde mei.
O! ik bin sa bliid dat jou üs helpe wolle; hwet it ein jaen
scil, witte wy net, mar dóchs, jou wirden binne foar my in
hiele treast en dêrfoar scil ik jo altyd tankber bliuwe ;
joun, dokter !
Dokter.
Ik bin dor fen oertsjuche en nou yet ris: it beste
mei\'noar . . . goe\'u joun. {of.)
(Nou sitte Jabik en Berber in koarte tiid stil.)
-ocr page 62-
58
13aes Jabik, (seit einliks.)
Nou, mem ! hwet sizze jo der fen. Dokter liket noch wol
moed to hawwen en seil, wol ik leauwe, it hjir net by
sitte litte, mar ik moat mar roun ut sizze: ik kin fen dat
alles gjin heechte krije.
Berber.
Ik like min, Jabik; ik bigryp \'r neat fen ; en döchs is
\'t as krij ik wer in bytsje hope; mocht dy hope mar net
idel wêze, hwent den wier it hertsear sa folie to greater.
B a e s Jabik.
Dokter liket mei Gjalt syn dingen alliiol op \'e heechte
to wezen en is derby tige iens mei Rjuerd Gosses; as \'r
help komme scil, den moat it fen dy side komme, marho?
dat bliuwt my in riedling.
B e r b e r.
It is my ek in riedling, heit; Rjuerd Gosses giet altyd
foar in freamde man. Sommige minsken sizze, dat \'r de
faem faek om in swevelprikke sa heislik bikibje kin, dat
it nearne nei roait; en oaren wer miene, dat \'r yn stiltme
folie goed docht en by de bult wei jout; \'t is mar krekt
hwet kant \'r oerfalt. Men kin hast net tinke, dat in
houlik fen syn omkesizzer mei üs Feikje him nei \'t sin
wêze scil.
Baes Jabik.
Miilk net sa folie, dat hy it trochdriuwe scil, as hy dêrta
al de kreft het, mar min kin it nea witte. Ik haw my wol
ris fortolle litten, dat alde Rjuerdom altyd feint bleaun is,
omdat \'r do \'r jong wier ok syn sin net hawwe mocht. Hy
het do f rijd mei in tsjeppe boerefaem en hie it der hird op
bigrepen, mar dat is do troch syn alden ek keard; dy faem
is do koart der nei siik wirden en forstoarn. As Rjuerd
nou alles is goed wist, mülk tocht \'r den wol: ik moat as
\'t mülk is myn omkesizzer biwarje foar it ünk, dat my
sels oerkommen is.
-ocr page 63-
50
Berber.
Da is sa, Jabik en it is ek de ienichste hopedy\'ter foar
üs oerbleaun is, hwent ik leau wol mei dokter, dat üs
bern nea better wirde kin, as hja fen Rjuerd öf sjean
moat.
Baes Jabik.
Dat liket sa wol, mar wy moatte üs best dwaen en hjar
opfleurje sa folie as wy kinne. Is Tetsje noch by hjar?
Berber.
Ja, dy forlit hjar hast net; och, hwet het dat sloof ray
yn de siiktrae fen Feikje bystien en hjar by nacht en by
dei mei oppast; hja het hjar eigen hushalding \'r ünderlije
litten, wol \'k leauwe.
Baes Jabik.
Ja, dat is nuver, oars net ? De minsken lykje in bulte
fen üs bern to halden, hwent ek dy oare froulju, dy hjar
earst sa birabbe ha, komme nou hast alle dagen to freegjcn
ho it mei hjar giet; dat is dóchs in biwiis, dat hja net
alhiel yn \'t kweade forhirde binne.
Berber.
En it is for üs in treast yn \'t leijen . . . Mar komoan,
wy bliuwe hjar mar sitten to keuveljen, ik moat wol it ien
en oar foar Feikje ré meitsje, hwent hja moat fen \'t bed
öf, het dokter sein.
Baes Jabik.
Ja, en ik moat yet wol efkes nei de smidte ta, om de
boel hwet op to redden ; dêrnei scil ik my hwet forklaeije,
den kin ik, as Feikje fen \'t bed is, hwet by jimme sitto ;
fen \'t arbeidsjen scil joun döchs net mear komme. {óf.)
(Berber set nou heit syn (jreate briedstoel, mei in kjessen
dêr op, foar Feikje ré en in waerme stove dêr bij en kriget
in kopke en puntsje foar hjar ut
\'e kas.)
Tetsje, (komt op.)
O, is de frou al mei de stoel en stove ré ? Ik scoe krekt
-ocr page 64-
60
eris sjean, as ik it gau kloar meitsje koe, hwent Feikjo
bigjint sels to driuwen om fen \'t bed óf.
Berber, (forbaesd.)
Is dat sa, bigjint hja sels to driuwen ? dat is frjemd,
hwent oars is hja \'r bast net ut to krijen.
T e t s j e.
Dat is sa, mar hja het nou fèst it iene of \'t oare yn \'t
sin; hwent ik moast hjar de klean alhiel oandwaen eü?in
skjine-w-ite mütse opsette; oars sit hja, lyk as dofrou wol
wit, sa mar, sa \'t se fen \'t bed komt, mei in tekken om
hjar hinne.
Berber.
Och, boa! as dat mar goed komt.
T e t s j e.
"Wol, hwêrom net ? Hja is sa rêstich en sa best, dat ik
sikerwier leau, dat hja wer better wirdt.
Berber.
Hwet scoe ik dat graech wolle en dat habbe wy den
foar in great diel mei oan jou to tankjen, Tetsje ; jou habbe
hjar sa oppast, dat ik it jou net forbetterje koe; as jou by
hjar binne is hja altyd gerest. O! hwêr scille wy jou dat
mei forgoedsje ?
Tetsje.
Praet der nou net oer, frou, Feikje het it dübeld en
yetris dïibeld oan my fortsjinne. Ik haw foar en nei sa
folie fen hjar leard, naeijen en breidsjen en noch folie mear,
hwet yen alle dagen yn \'e hüshalding to pas komt; en do
üs Hiltsje sa siik wier, wier hja dêrfoar in twade mem ...
ik scoe al tigc üntaukber wèzc, as ik hjar nou net by-
stie . . . Kom, ik scil hjar fen \'t bed helpe en hjir bringe. (óf.)
Berber, (allinne.)
O, fy ! hwet is \'t allegearrc raer om my hinne; it is my
sa wünderlik to moede, der is fêst hwet op til; \'t is nou
al in dei fen bütenwinstichheid; forearst is it hjoed krekt
-ocr page 65-
(11
in jier lyn, dat Rjuerd üs Feikje rit it iis helle het; dat
docht my al tige oan. O, o! hwet wier my dat do ek in
dei. Nou het dokter üs niis sa folie forteld dêr ik net by
kin, mar dat üs op nij dóchs wer hope jout en derby liket
Feikje alhiel oars to wezen as hja yn de leste dagen wier
en hwet \'r nou noch mear komme scil ... ik wit it net
... ik wit it net . . . mar ik mat my sterk halde en mar
fleurich lykje, dat is foar Feikje it beste, seit dokter . . .
Dêr komt Tetsje al mei bjar oan, leau \'k.
{Feikje komt op mei in nij bêdjak oan en in uite matse
op, hja is noch tige bliek en swak; dêr om het Tetsje hjar
yn \'e earm en komt hja, stapke foar stapke, mei hjar neijer.)
Berber, {giet op hjar ta en kriget
hjar by de hdn, hja seit
tige fleurich:)
Dei, fanke! dei, Feikje, nou! nou! dêr habbe jimme
my ek forrifele, hear, sa mar de klean oan en dat mar
buten mem ?
Feikje, {glimkjende, mar mei in
strakke stimme en lang-
sum:)
Dei, . . . mem ! . . . mem . . . is \'r . . . net . . . lilk
. . . om . . . wol, . . . dat . . . ik . . . wer . . . in . . .
bytsje . . . oan . . . klaeid . . . bin ?
Berber.
Wol né, fanke; ik bin der tige bliid mei, \'t is in teiken
dat it foarüt giet mei dy . . . och! hwet scil heit ek raer
opsjean as \'r yn \'e keamer komt. {Nou liede hja hjar nei
de briedstoel ta en litte hjar dêryn sakje, ek Berber en
Tetsje geane beide op in stoel sitten; Berber forfolget:)
Nou, myn ljeave, kin ik sjean, datstou better wirdste.
Feikje.
Och! . . . mem, . . . dat . . . wit . . . ik . . . just . . .
net . . . mar . . . it . . . is . . . hjoed . . . alle . . . gear-
-ocr page 66-
62
re . . . hwet . . . oars; . . . wit mem . . . noch . . . wol
. . . hwet . . . \'r hjoed . . . foar . . . in . . . jier . . . bard
... is?
Berber, (hdldt hjar as ef hja it
net wit.)
Né, fanke, sa lang kin ik net onthulde.
F ei k j e.
Ja, . . . mem . . . wit . . . it . . . wol . . . mar . . .
mem . . . wol . . . \'r net . . . oer . . . prate . . . (hja bi-
gjint Uidlikjes wei hwet redder to praten.)
Mem ... is
bang . . . dat ik it my . . . to folie oantsjean scil . . .
mar haw der mar gjin noed mei, ... ik leau, it is goed
foar my . . . dat ik dêr ris oan tink.
Berber.
Mar hwet mienstou den, myn ljeave ?
Fei kj e.
Och ! mem wit oinmers wol . . . dat hjoed foar in jier...
Rjuerd my ut it iis holpen het ... Ik haw der al lang
oer miniere ... en do ik to moarntyd oan Tetsje frege ...
hwet dei it hjoed wier ... en hja my dat op myn oan-
haldend freegjen sei . . . tocht ik dalik, . . . dat it hjoed
de oarste jiddei wier . . . fen myn nij libben . . . Scoe
Kjuerd der ek om tinke, mem ?
Berber, (icylst hja in trien wei-
faget.)
Ik wit net, myn ljeave, ik tink hast fen wol.
(Tetsje giet opstean en wol hinne gean om mem en dochter
mei hjar beiden to Utten, mar nou seit:)
F o i k j e.
Né, Tetsje! beste frjeundin, bliuw mar sitten . . . jou
meije it ek wol heare hwet ik sizze wol ... ik haw foar
jou gjin geheimenissen ... ik haw jou ljeaf as in sister
. . . ik scoe hast sizze, as myn mem . . . Jou habbe hast
mear, as in sister dwaen kin, my holpen ... ik bin jo
-ocr page 67-
m
der o! sa tankber foar . . . kom lit üs foar altyd sisters
bliuwe . . . (Hja rikt Tetsje de hun ta, dy H dy mei
triennen yn
\'e eagen oannimt en tver sitten giet; ek Berber
kin hjar sete host net gelijk bliuwe; Feikje forfolget:)
Hea noch ta! Invet sjogge jimrae beide drovich . . . binne
jimme den net bliid mei dizze dei ? . . . foaral ek omdat
ik hwet better bin ? . . .
Berber.
O ja, ljeave! wy binne sa bliid, dat \\vy hast feu bliid-
skip skrieme moatte, mar ik bin tagelyk ek bang, datstou
it dy sels hwet to drok makkesto; lit dèrom dy dingen
mar rêste, rayn Feikje.
Feikje.
Och né, mem, wêz der mar net bang foar ... as alles
wier sa wy it winsken, den scoe it hjoed in blide dei
wèze ... en ek nou noch kin ik him net üngemirken
foarby gean litte . . . Hwêr scoe heit wêze, dy moast nou
ek yn \'e hüs komme.
Berber, {giet oerein.)
Den scil ik heit roppe. (Hjn ropt oan \'e doar:) Jabik!
komme jo nou yn \'e hüs! üs Feikje sit by de tafel en dy
het langstme nei jou.
Baes Jabik, (ropt werom silnder
dat min him noch
sjochl.)
Ja, ik kom al, hear! (Mei komt V op en seit:) Dêr
bin ik al, joun, Feikje! joun, fanke ! . . . mar sjoch nou
ris, binne de klean wer oan ? nou! nou! dêr habbe jimme
heit ek ris moai to fiter, oars net?
Feikje, (glimkjende.)
Ik leau dat heit ek allike nij op sjocht as mem en
Tetsje . . . wit heit den ek net hwet dei it hjoed is ?
Baes Jabik.
Ja hem, dat wit ik wol; mem en ik habbe der to
-ocr page 68-
04
moarntyd noch oer praetten, wy doare lykwol dêr hast
net oan tinke.
F e i k j e, (hja driget sa beare mem
mei de finger en seit
fleurich:)
Nou is heit oprjuchter as mem . . . hwent mem sei, dat
hja \'r neat fen wiste hwet dei it hjoed wier ... en nou
komt it ut, dat mem \'r wol om tocht liet; . . . nou, dat
is nou sa \'t is . . . wy witte it nou allegearre wer . . .
en moatte nou mei\'noar in bytsje wille ha. .. tinkt my ...
(Jabik, Berber en Tetsje sjor/ge elkoar oan, mar doare neat
sizze; Feikje forfolget:)
Hwet tinke jimme, scoe Itjuerd
der ek om tinke ? . . . (Nije forbazinge en nije angstme
bij de oaren ; hja seit fierder:)
Och ! sjoch nou allegearre
net sa biteutere, wêz nou bliid mei my ... ik nel my
hjoed sa skoan . . . it is krekt as het Rjuerd my hjoed
wer foar de dea biwarre; . . . it is krekt as it my op \'e
lea leit, dat \'r hjir joun komme scil ... en döchs kin dat
net wier wêze . . . hwent it brief ke, dat ïetsje him fen
my brocht het ... de earste dei fen myn siiktme . . .
dêryn haw ik him skreaun . . . dat \'r mar foar altyd . . .
fen my . . . öfsjean moastte . . . {Hja wirdt moeilik; mei-
lijen en angstme foar hjar bij de oaren.)
ïetsje, (seit einliks:)
Myn beste Feikje! nou witte jou net rjucht hwet jo
sizze; ef ljeaver, jou witte net rjucht hwet jo dien habbe;
ik haw nea in briefkc foar jou nei Rjuerd ta brocht . . .
wol haw ik do dy Sneintomoarne ien fen him oan jou
jown, mar jou habbe net werom skreaun.
F e i k j e, (tige langsnm en hjar
bitinkende.)
Haw . . . ik . . . him . . . net . . . werom... skreaun ?
... en ik haw ... al in briefke ... fen him krige . . .
sizze jou? . . . (Hja sit efkes stil to tinken, dêrneiseit hja:)
-ocr page 69-
65
Scoe dat briefke fcn Rjucrd ek noch yn wezen wêze ?...
ik wit \'r neat mear fen ho it dêrmei gien is. (Jabik
knypeaget Berber non oan.)
Berber.
Scoe myn Feikje dat briefke graech wer habbe wolle ?
F e i k j e.
O, ja ! mem, och ! sa graech.
Berber, (soarchfuldig.)
Den scil ik it moarn sykje, nou joun to folie op ien
stuit, dat is net goed for dy, ljeave!
Feikje.
Sa \'t mem tinkt; as mem it mar het, den wit ik wol is
it goed biwarre . . . Mar haw ik sikerwier Rjucrd noch
net werom skreaun ?
Berber.
Nó, myn bern; hwent de selde moaruo, dastou Rjuerd
syn briefke krige heste, hest de koarts al krigo en sont
dy tiid biste jimmer tige siik west.
Feikje.
\'t Is frjeamd ... ik kin dat allegearre hast net leauwe
en döchs scil \'t wol wier wêze . . . mar it is foar my as
in droam ... Ik haw yn myn siiktmo ek faek miend, dat
Rjuerd by my wier ... en dat \'r my noch syn Feikje
neamde . . . mar den scil dat ek wol in droam west ha ...
net mem ? . . .
Berber.
Né, myn fanke, dat wier gjin droam, dat wier yn wier-
lieid sa.
Feikje, (hjar eagen helder je op
en mei in blide laeits op
\'t oanlit, seit hja:)
Den het \'r my net forgetten . . . tté, dat koed \'r ek net
. . . den komt \'r joun ek ... o ja, hy komt! ... ik nel
it wol . . . {der wirdt oan \'e doar kloppe.) Dêr is \'r mem !
5
-ocr page 70-
66
der is \'r, doch gau de doar op! . . . {mar mem kin net,
en heit kin net, it is as hja oan \'e stoel f est sitte; Feikje
forfolget:) To mem ! gau de doar op . . . Rjuerd seil my
helpe! . . . {nou springt Tetsje oerein en giet nei de doar.)
Rjuerd, {komt op ; hy giet richelrjucht
op Feikje ta, fait foar hjar
op \'e knibbels, slacht de earmen
sa om hjar hinne en seit:)
Myn ljeave . . . ljeave Feikje !!!!
Feikje, {nimf, syn holle twisken
hjar beide hunnen.)
Myn Rjuerd! . . . myn ljeave beste Rjuerd!!!! {de
oaren binne ünderwiles stil opstien en nei de eftergroun f en
it toaniel gien.)
IT GERDYN FALT.
GREATE TWISKENPOAS.
-ocr page 71-
4e BIDRIUW.
Rjuerdom\'s Testemint.
It toaniel is de wenkeamer fen Rjuerd Gosses, min sjocht
in tafel en derby in greate briedstoel, oars noch in mannich
stoellen en it ien en oar mear, dat yn in ienfdldige kearner
heart; op \'e tafel leit in brief.
Rj uerd Gosses, in ald man mei griis hier en in bril op, sit
yn \'e briedstoel» allinne by de tafel; hy is
h.wet suterieh yn \'e klean en het toffels oan.
Sa wirdt it gerdyn ophelle.
Rjuerdom, (springt oerein en tige
UIL)
Dêr slacht de divel troch ! ik haw al twa kear roppen en
noch komt \'r nimmen. (Hy strampelt nei de doar en ropt:)
Beits! . . . Bei! . . . eits!! . . . (Hy stampt fen lilkens
mei de foet op \'e groun en ropt noch lüder:)
Bei! . . .
ei!! . . . eits !!!
B e i t s k e, (komt haestich op.)
Ja, Rjuerdom ! dêr bin ik al.
Rjuerdom, (snibbich.)
Dêr bin ik al . . . dêr bin ik a ... al ... Ik bin \'r
al sauntich jier west eu dou ek al folie langer as hjoed,
mar dou haldste dy mar krekt aste der net biste en dou
litste my mar roppe en raze.
B e i t s k e.
Mar Rjuerdom! ik hie krekt in pankoekje foar jou oer
\'t fjür en dat koe ik dóehs net forbane litte; ik kin net
alles tagelyk dwaen.
-ocr page 72-
68
R j u o r d o m.
As ik rop, den moaste alles tagelyk kinne, den moaste
foar en efter wêze, ünder en boppe en rünom, oars kin ik
dy net langer brüke, hear!
B e i t s k e, (sa beare ek lilk.)
Hear ris, Rjuerdom! ik haw nou hast al fiifentweintich
jier by jou wenne en jo jimmer trou bitsjinne; wolle jo
my nou foartstjtirrc, dat stiet oan jou, mar ik wit, dat ik
myn best doch en raear kin ik net.
Rjuerdom.
Né, sa mien ik it net; lyk astou seiste: dou heat nou
hast al fiifentweintich jier by my wenne en ik siz \'r by: my
ek sa lang lést oandien; it komt nou ek op in deimannich
noch net oan ; . . . hjoed kin ik dy to minsten net misse.
B e i t s k e, (iver goed.)
En moarn is \'t jou wer forgetten, in \'t wier Rjuerdom ?
Rjuerdom.
Dat koe dy wol ris hwet oufalle, hertsje!
B e i t s k e.
Nou, as onthald jou it al, den is \'t noch neat, jou kinne
my ommers dóchs net misse!
Rjuerdom.
Ik dy net misse kinne ? ... nou wirdt it noch moaijor!...
hwêrom scoe ik dy net misse kinne ? . . .
B e i t s k e.
Wol, hwa scoe den jou bêd op meitsje, dat kin ommers
nimmen oars as ik jou nei \'t sin dwaen.
Rjuerdom.
Der heste wrachtich gelyk oan fauke! . . . bliuw den
mar wer, hear! . . .
Bei t s ke.
Ja, as ik wol!
Rjuerdom.
Wol foar den divel! woste nou ut dy sels al foart rinne ?
-ocr page 73-
69
B e i t s k e.
As \'t net oars kin, den al ... Ik wol altyd net hearre,
dat ik \'r oer bin.
R j u e r d o m.
Ei, dou biste der ek net oer, dat wiste ommcrs wol
better, Beits; . . . mar wiste, ik wier in bytsje rirapen en
haestich, omdat hjir hjoed noch in hiele bulte barre moat.
(Hy giet iver yn \'e briedstoel sitten.)
B e i t s k e.
En hwet moat \'r hjoed den allogearro wol barre ?
Rjuerdom.
Alderearst moat \'r ien nei dokter, om to sizzen, dat ik
dea bin en dat dokter hjir dalik komme moat.
B e i t s k e.
Mar jou binne ommers net dea, Rjuerdom.
Rjuerdom.
Dat dondert net, lit dat mar sizze, hwent oars komt
dokter net foar joun let en ik moat him dalik sprekke; en
den is \'r noch hwet, . . . dou moaste dy \'r foar ré hulde
dat wy hjoed folk krije.
B e i t s k e.
Dat is in boel, wolle jou den hjoed al bigraffenis
halde?
Rjuerdom.
Bigraffenis halde . . . ho komste der by, Beits ! . . .
B e i t s k e.
Wol, omdat jou dea binne, nei \'t jo sizze.
Rjuerdom, (laeitsjende.)
Dou heste gelyk, Beits; mar der haw ik noch gjin sin
oan, hear; lit den mar sizze, dat ik omtrint dea bin.
B e it ske.
Dat is ek folie better, den komt dokter ek noch gauwer;
hwent oan in libben minske is noch hwet foar him to for-
tsjinjen . . . oan in deaden neat mear.
-ocr page 74-
70
Kjuerdom.
Dou heste al wer gelyk, Beits, ja, don heste gelyk ... Ik
miende net datstou sa snoad wierste; hear ris, dou hoegste
net foart, hear, hwent ik bigjin nou wrachtich sels to leauwen,
dat ik dy net misse kin. Meitsje nou mar gau dat \'r ien
nei dokter giet, en ek, dat de boel ré wirdt foar it folk,
dat lij ir hjoed komt.
B e i t s k e.
Mar hearink, Rjuerdom ! dat kin hjoed nea; ik bin mar
allinne en kin nea de boel sa gau ré; it hüs is neat net
himraol, dat moat earst hvvet oprédden wirde; de nije mat-
ten moatte wol lizze en skjinne dweiltsjes foar dedoarren
en den moat dat folk ek noch bean wirde,. . . dat kin nea
allegearre sa gau; . . . is it net folie better, dat wy noch
in dei twa wachtsje ?
Rjuerdom.
Né, dat moat hjoed ... en dat scil hjoed ; dat wol ik
nou sa hawwe en dat lit ik my net ouprate. Astou it
allinne net dwaen kinste, rop den mar twa arbeidsters fen
\'t lan, Sibbel en Lys mar, dy kinne dy wol helpe.
B e i t s k e.
Nou, jou moatte it witte; hwa moatte \'r den bean
wirde ?
Rjuerdom.
Nimmen net, dat is net nedich; as de ljue hearre, dat ik
omtrint dea bin, den scille hja ut hjar sels wol komme,
der binne enöch dy \'t langstme nei myn dea habbe.
B e i t s k e.
Nou fetsje ik \'r neat mear fen hwet jou yn \'t sin ha.
Rjuerdom.
Né, hin, dat giet nou dyn foistan eris to boppe, al ho
snoad aste oars biste, mar joun, den scilste der wol better
efter komme; ... en nou oppakke, hear, de divel scil dy
helje, Beits, aste net ré komste.
-ocr page 75-
71
B e i t s k e, (wijlst hja hinne giet.)
Ik skrep al Rjuerdom, ik skrep al; hwent ik bliuw folie
ljeaver by jou, as dat Hantsje my hellet (af).
R j u e r d o m, (strampelt nei de daar
en ropt hjar efternei:)
Foaral sizze, dat ik hast dea bin, hear! dy arbeidsters
moatte ek mar net oars witte (hy komt teer net foaren en
giet op \'e stoel sitten ; allinne:)
Dy Beits is döchs in beste
faom, dat is mar sa; as ik it bilibje, dat hja fiif-en-tvvoin-
tich jier by my wenne het, den scil hja in moai presintsje
fen my hawwe, in silveren brilledoas ef sa hwet; en as ik
joun myn testemint meitsje, den scil ik hjar ek net for-
jitte; hja moat nei myn dea fleurich libje kinne, dat het
hja wol oan my fortsjinne. Sokke trouwe earlike tsjinst-
boden en ek hüssittendo arbeiders, moasten op hjar alde
dei gjin brek hoego to lijen ef fen de fiilden hoege ünder-
halden to wirden. Foar lju dy troeh kloek en warber
wezen hjar jimmeroan sels redden en derby somtyds noch
in keppel bern great brocht ha, is ifc sa\'n tsjuster foarut-
sjoch, it op \'t lest noch fen jowne biten habbe to moatten;
dat komt hjar eare sa nei . . . Der moast in füns foar
wêze, der dy aldtsjes hwet wykjild ut krije koenen. As
alle lju, dy \'t nou sa folie oer habbe foar dy Kristelike
skoallen, dat selde, ef in part \'r fen, is by\'noar leijen foar
sa\'n füns en as rike ljue by testemint dêroan eris in somke
joegen en as it ryk fen al de miljoentsjes dy \'r nou mei
soldaetsje spyljen wei wirde, mar ris in hunderste part
dêrfoar ófsünderc, ik leau, dat \'r den in bulte jild folie
better bisteld waerd, as nou ... Ik scil joun, as ik myn
testemint meitsje, dêr hwet om tinke, mülk kin dat de
groun wol ris lizze foar sa\'n füns. (Hy stekt de piip eris
oan, in koart kalken eintsje mei in bosk jean omwüle en
sext:)
\'k "Woe wol, dat dokter mar hast kaem. (hy ropt
toer
:) Beits! ... Bei!... eits !!... Bei!... ei!!... eits !!!
-ocr page 76-
72
B e i t s k e, (komt op.)
Ja, Rjuerdom, der bin ik al . . . hwet moat ik ?
Rjuerdom.
Oumeitsje, hear! ... as de divel oumeitsje!
B e i t s k e.
Ja, mar den moatte jou my net de hieltyd roppe, den
kin ik net oumeitsje.
Rjuerdom.
Dat scil ik ek net dwacn, astou mar skrepste. (Beifske
wol toer hinne gean en is al wer hy de doar ; Rjuerd ropt
hjar werom en seit:)
Hear ris ef kes, Beits! binne dy
arbeidsters hjir al ?
B e i l s k e, (komt twa stappen neijer.)
Ja, Rjuerdom, dy binne al drok oan \'t wirk. (óf)
Rjuerdom, (ropt hjar i/et ris werom.)
Beits ! Bei ! . . . eits ! ! Bei! . . . ei ! ! . . . eits ! ! !
(Beitske komt wer op.) Beits! hear noch ris efkes . . .
komt dokter bast ?
Beitske, (koart wei)
Ei ja, Rjuerdom! . . . Lys hot nei him ta west en dy
is mei \'t boadskip werom komd, dat \'r dalik komme scoe.
Rjuerdom.
Best hear, Beits; . . . nou mar wer twa lange stappen
mei ien koarten, hear! (Beitske prottelt en grommelt hivet
yn hjar sels, dat men net forstean kin en giet óf.)
Rjuerdom, (allinne.)
Nou, nou! hwet scil dat joun in grap wirde, hwet scil
Gjalt raer sjean, as \'r heart, dat ik testemintsje wol; \'t is
mülk wol net sa \'t heart, mar dat is net oars ; ... lit him
sa fröm wêze as \'r wol; hy het net better oan my en oan
myn earme sister fortsjinne. (Hy giet oerein.) As dokter
my nou mar helpe wol, ... ik moat wol ris efkes sjean
as \'r hast komt. (Hy giet \'m mannich stappen foart, sa H
liket om nei de doar to gean, mar op healuei bliuwt
V stean,
-ocr page 77-
73
bitinkt him efhes en komt werom.) Jonge! as ik my nou
dalik mar ris siik hulde, as dokter ynkomt, den koe ik
dy earst noch ris foar \'t lapke ha; hwet scil dy ek taei
sjean; hwent dy wol my wol as klant biluilde; it is mar
krekt sa as Beits seit: oan \'n libben minske is noch hwet
foar him to fortsjinjen . . . Dy Beits is net gek, hear, dy
kin spikers mei koppen slaen . . . Jonge, bja moat my
efkes helpe om my eris in tige siik oansjean to jaen . . .
ik scil hjar roppe. (Hij strompelt toer nei de doar en ropt:)
Beits! Bei! . . . eits !! Bei! . . . ei!! . . . eits!!!...
B e i t s k e, (komt op en seit tige
hoarnich:)
Nou, hwet is \'r nou wer.
Rj uer d o m.
Hear ris, Beits! dou moaste my efkes helpe.
B e i t s k e.
Jonge, Rjuerdom, dat kin net mear, den krije wy nea
de boel ré; as dokter lijii* strak is, den habbe jimme ek
wer in bulte fiven en seisen, dat kin ik wol tinke en den
kin ik ek wer neat dwaen.
Rjuerdom.
Dou hoechste ek neat mear to dwaen, Beits ; ik haw
der nou ris aerdichheid oan om tige siik to lykjen al foar
dat dokter hjir is, den haw ik dy mei iens eris to fiter.
Ho mear de boel hjir nou troch enoar leit, ho botter;
hwent dêr in swiere sike oan hus is, der heart ek de
hüshalding yn ünstjür to wezen.
B e i t s k e.
Ei, Rjuerdom, hwet ha jou hjoed brike setten yn \'e
holle.
Rjuerdom.
Dat liket dy nou sa ta, mar joun scilste wol oars prato,
as alles ris öfroun is. Dou wiste wol, Beits, immen dy
tige siik is, dy bigjint om testcmintsjen to tinken en as
-ocr page 78-
74
ik nou joun myn testemint ek ris meitsje wol, den scilste
\'r gjin skea fen habbe, aste myn sin dochste.
B e i t s k e.
Fy! Rjuerdom, sok raer praet, men scoe der sikerwier
griselich fen wirde, . . . mar hwet wolle jou den dat ik
dwaen scil?
Rjuerdom.
Dat scil ik dy sizze: ik gean yn de briedstoel sitten,
mei de sliepmütse op ; den moastou my alhiel mei kjessens
opstoelje, lyk as min in sike docht; earst moat \'r in kjes-
sen yn \'e stoel lizze en de oare triuwste, hwerste se best
kwyt wirde kinste, efter de rêcli, ünder de holle en sa
mear; den krigeste twa tekkens; de ieno dèrfen hingeste
my oer de skouders en de oare om \'e skonken en ho mal-
der it den liket ho better . . . Nou wist it on nou mar
gau oan \'t wirk, hwent dokter scil wol hast komme; krij
earst myn sliepmütse mar ris en bêdkjessens.
B e i t s k e.
Jonge, jonge, Rjuerdom! dat kin nea, dat is al to gek;
scoenen wy der gjin kwea oan dwaen ?
Rjuerdom.
Hwet seistou! kwea der oan dwaen? ... en ikbinjust
op wei om dizze en jinge by testemint hwet goed to dwaen !
B e i t s k e.
Nou, jou scille jo sin ha . . . sju der! (Hja kriget kjes-
sens, de sliepmütse en hwet \'r mear icêze moat; hja leit
in kjessen yn
\'e stoel en seit:) Dêr is al ien kjessen en
der is jou sliepmütse, set dy nou mar op en gean
mar sitten. (Bjuerdom docht nou si/n dlde hoed
óf en lukt htm oan de eagen ta yn \'e sliepmütse, htvér de
lokken griis hier noch ênderwei hing je; dcrnei triuwt
Beitske him hast alhiel ünder
\'r kjessens en hinget de tek-
kens om him hinne; hja laket ünderwiles dat hja
V oer
skoddet.)
-ocr page 79-
75
Rjuerdom.
Hwêr lakest dou sa om, Beits?
B e i t s k e.
Wol, ik moat laeitse, sa mal lykje jo nou.
Rjuerdom.
Mar dat is to gau, fanke ! sa lang as ik libje is \'t tiid fen
skrieraen, ... as ik dea bin, den wirdt it tiid fen laeitsjen,
hear!
B e i t s k e.
Ei, jou moatte net sa mal, Rjuerdom, \'t scoe wêze, dat
men nei jo ein forlange.
Rjuerdom.
Tinkste dat \'r sokke net binne, Beits ?
B e i t s k o.
Dat wit ik net; mar ik wit wol dat \'r folie mear binne,
dy \'t jou graeeh yn \'t libben balde.
Rjuerdom.
Ei kom, hwa scoenen dat wêze ?
B e i t s k e.
Dat binne dy earmc widdouwen en weeskes, dy \'t jou
yn stiltme sa\'n goed dogge.
Rjuerdom.
Hm . . . soa! . . . nou, it is hwet, om sa\'n earme divel
eris in pear cinten to jaen.
B e i t s k e.
En dat \'r by komt . . . it oare wit ik wol, . . . leau
mar frij Rjuerdom, dat \'r nei jou dea folie mear triennen
fen rouwe rolje scille as fen bliidskip.
Rjuerdom.
Soa, tinkstou dat ? . . . nou, it is dêr neat minder om,
wol \'k leauwe; mar siz eris Beits! lykje ik nou wol tige
siik to wezen ? ... de holle noch hwet mear hingje litte,
tink ik, sjoch sa: (hy Ut de holle alhiel sakje) sa is \'t
better oars net? . . . Nou moaste mar ütsjean ae dokter
-ocr page 80-
76
ek komt, en sa gau aste him sjochste, moaste it my sizze,
den hoech ik net sa lang oan ien tried wei to hingjen;
dêr scoe min wrachtich de koarts fen krije.
B e i t s k e.
Ik scil dwaen hwet jou sizze, hear Rjuerdom ! (óf)
Rjuerdom, (ropt hjar eftemei)
Beits! Bei! . . . eits!! . . . hear ris efkes, (Beitske
komt werom)
as dokter yn \'e hüs komt, den moaste hjir ek
wêze, hear! en den moaste tige taei sjean en my drinke
litte ut in kopke, wylste my de holle optilste. (Beits draeit
hjar om en giet laeitsjende hintte; Rjuerdom ropt hjar
eftemei:)
Beits! de divel scil dy helje, aste net oppaste,
hear !
Rjuerdom, (allinne.)
Ik hoopje mar, dat dokter nou gau komt, hwent sa kin
ik it net lang üthalde, min scoe fen binauwdheid smoarre,
sa sit ik \'r ünder stoppe. \'t Scil my ris léste, hwet dokter
hjir fen sizze scil; as \'r net sjocht, dat it allegearre koal
is, den is syn hiele dokterjen neat wirdich.
Beitske, (komt teer op.)
Dêr komt dokter oan, Rjuerdom ! hald jo nou mar tige
siik, hear!
R j uer d o m.
It scil oan my net lizze; pas dou sels mar op, hear
Beits! (Dokter komt op, set syn stok yn \'e hoeke fen \'e
keamer en de hoed op in stoel; ünderwïles haldt Beitske
mei de iene han Rjuerdom syn holle fêst en Ut him mei
de oare ut in kopke drinke; Rjuerdom sykhellet tige
swier.)
Dokter.
Dei, mei\'noar; . . . ho is \'t, Rjuerdom ? (Rjuerdom bi-
gjint to gransjen, mar it kin gjiti praten"hjitte; dokter
freget nou oan Beitske, wtjlst hy Rjuerdom by de pols
kriget:)
Honear is dat mei de aldman bigoun, Beitske ?
-ocr page 81-
77
Beitske, {wylst hja de eagen fen
dokter öfdraeit, omdat
hja it laeitsjen net goed
Vitte kin.)
Fen \'e moarn sa mar ya ienen, dokter; hy klage earst,
dat \'r hwet düzelich wier en do is \'t mar yn ienen mis-
gien; . . . scoe \'t slim wêze, dokter ?
Dokter.
Nou, it is net sa best, mar wy binne\'r gauby; Rjuerdom
moat nedich litten wirde, oars koe \'r wol in biroerte krije, ...
helje mar gau in greate kop, dêr in healkanne bloed yn
kin, den scil ik bim underwiles de mouwe opstrüpe en in
ban om de earm dwaen. (Rjuerdom bigjint hjirop tige taei
to sjean. Beitske giet om in kop en dokter makket Rjuerdom\'s
earm bleat en docht de ban dêr om. Beitske komt nou mei
in kop werom en sjocht al sa frjemd, hja wit hast net ho
hja hjar hdlde scil, de grap rint hjar fierdernoch. Nou
hellet dokter in ünbidich great mes ta de bïise lit en wiist
dêrmei nei Rjuerdom sijn earm, krekt as
V der yn snije
scil, mar nou wirdt it Rjuerdom to slim.)
Rjuerdom, {springt oerein.)
Sa om de divel net, dokter! ik lit my hjir net troch jou
slachtsje, hear! (De tekkens en kjessens fleane wit wer
eane en de stoel fait om.)
Dokter, {icylst V loket dat V
skoddet.)
Genezen, hear! yn ienen genezen! dat fait my enóch
mei. (Nou laeitsje alle trije, dat it hwet docht.)
Rjuerdom, (wylst V dokter de
earm ta rikt.)
Meitsje nou dy ban ek mar wer los, dokter; hwent dat
is foar den (ïivel net mear ut to stean. Do jou niis dy
ban sa stiif oanlükten, gong it my al slim enóch, ik tochte:
nou, it is goed, dat ik nin kou bin, hwent dy wirdt, as
-ocr page 82-
78
hja litten wirdo scil, de ban om \'e hals boun "en as \'r den
ek sa oanhyst waerd, den scoe \'r gau alhiel stilstan yn \'t
bloed komme.
Dokter, (noch laeitsjende, makket
de ban los.)
Ik seach dalik wol, Rjuerdom, dat jou in grap mei my
hawwe woenen en do koe ik it net litte om jo dêrfoar
efkes to kastijen.
Rjuerdom.
Nou, ik nim it jo net kwea, dokter; ik hie net better
oan jou fortsjinne en dóohs moeit it my heislik, dat jo sa
gau seagen, dat myn siiktme neat oars as koal wier. Beits
en ik mienden, dat wy \'t sa knap oprêdden hienen en nou
liket it wol, dat it neat jaen kin. (tsjin Beitske.) Dou
kinste nou dy boel wol wer opbergje, hear Beits ! ik hoech
it nou joun net wer to brüken.
B e i t s k e, (docht dat en seit ün-
derwiles
;)
Ik leau, dat it ek mar better is, Rjuerdom ; fij, sokke
grappen binne al to gek.
Rjuerdom.
Dat scil ik witte, hear ! der hestou neat yn to sizzen ...
en nou pak op mei de boel, sjoch datste hjir wei komste ...
mars, siz ik dy ! . . . ik haw hwet mei dokter allinne to
praten; dou hoechste net earder wer to kommen as ik
dy rop.
B e i t s k e, (wylst hja giet.)
Dat scil net lang dürje, wol \'k leauwe.
Rj uerdom, (tsjin dokter.)
Hwet seit se der, dokter? . . . Beits wol jfmmer it leste
wird ha.
Dokter.
Och, hja grommelt mar hwet, dat binne jimme ommers
wel fen \'noar wend !
-ocr page 83-
70
Kjuerdom.
Ja, it is ek sa . . . Beits is oars in tige beste hushald-
ster foar my, dokter; mar och, elts het wol ris hwet; elts
het syn lekken en brekken, ik scil mines ek wol hawwe,
tink ik . . . min moat dy mar hwet oer \'e holle sjean,
oars net ?
Dokter.
As dat hwet mear barde, Itjuerdom, den wier \'r lang sa
folie getsjier net yn \'e wrald.
R j u e r d o m.
Dat leau ik wol mei jou . . . mar jonge noch ta, nou
haw wy troch myn siik wezen de smokerij forjitten. (Hy
springt oerein, giet nei de doar en ropt:)
Beits ! Bei! ...
eits!! . . . Bei! . . . ei!! . . . eits !!!
B e i t s k e, (komt op.)
Hwet is \'r nou wer ?
Kjuerdom.
Dou moaste in piip foar dokter helje en tabak en sigaren
en swevelstokken en in koaltsje fjür yn \'t oanstekkers*
komfoarke, en ek hwet gau, hear!
Dokter.
Ei, Rjuerdom, dat hoecht net, sa lang haw ik nou gjin
tiid. (tsjin Beitske) Lit mar wêze, Beitske!
Rjuerdom.
Beits! dou heste wol heard hwet ik sein ha, oars net ?
(Beitske giet foart, hellet it jinge Rjuerdom hjar hjitten het
en leit dat stils wijend op \'e tafel, der nei giet hja óf;
Rjuerdom tsjin dokter:)
Stek nou ris oan, dokter!
Dokter.
Ik haw wrachtich gjin tiid dêrfoar, Rjuerdom.
Rjuerdom.
Dy tiid moat \'r óf, hwent ik haw hwet mei jou oer to
lizzen, dêr tige driuw by is; dêrom haw ik my ek siik
halden ... ik wiste wol, den kamen jou hwet gauwer...
-ocr page 84-
80
oars hie it wcr jountyd wirden; mar der komt my hwet
yn \'t sin, ik haw ek nocli forjitten om in slokje opsette to
littcn; ... \'t is by jou ek noeli foar iten, net dokter ?
Nou, ik haw ek noch neat hawn, fen sels as men sa siik
is den yt men net. {Hy giet nei de doar en ropt iver)
Beits ! Bei! ... eits !! . . . Bei! . . . ei!! . . . eits! !!
{Beitske komt op, mar seit neat.) Ilear ris, Beits! dou
moaste ek noch in slokje opsette, {tsjin dokter) „madera"
dokter? ef in „bitterke," hwet scil \'t wêze, ef oars hwet?
Dokter.
Ei, Rjuerdom, jy moasten neat lielje litte, dat jout Beitske
ommers mar in hiele bulte droktme.
Rjuerd o tn.
Hear ris, dokter ! der kinne jou nou net foar wei . . .
en hwet dy droktme oangiet . . . Beits is myn tsjinstfaem,
dy moat my bitsjinje sa \'t ik it hawwe wol, der leanje ik
hjar foar. {Tsjin Beitske:) Beits, dou seste mar fen\' alles
op, hear! den kin dokter krije hwet \'r ha wol. {Beitske
docht stilsirijend hwet hjar hjitten wirdt en set madera,
jenever, süker en bitter op
\'e tafel. Rjuerdom teer:) Nou
dokter, hwet scille jo drinke ?
Dokter.
As ik \'r net frij fen kin, den moat ik mar in glêske
madera ha.
Rjuerdom.
Moai sa en ik hwet bitter, dat past bettor yn in boere-
mage . . . stek nou ek ris oan, dokter! {Non jit Rjuerdom
dokter in glês madera yn en him sels hwet bitter jenever;
dokter stekt ünderwiles in siyaer oan, dorop nimt Rjuerdom
sijn romer op en seit, wylst
V mei dokter klinkt:) Op jou
sounheid, dokter!
Dokter.
Tank jou, Rjuerdom, op jou betterskip. {Hja drinke
eris en drinke pet eris en hulde dêrmei mar oan ünder hjar
-ocr page 85-
81
petear, ivt/lst Bjuerdom mar iederkear de romers wer
fol jit.)
Rjuerdom.
Dy betterskip, dokter, dy \'t jou miene, dêr bin ik net
sa bliid mei; jou seagen nei myn sin mar al to gau hwet
my skeelde.
Dokter.
Dat leau ik wol, jou hiene my wol graech eris tige foar
\'t lapke hawn, oars nou ?
R j u e r d o m.
Né, dêrom just net, dokter ... ik woe joun mei oaren
eris in grap hawwe, troch my siik to halden ; mar to divel!
as it den sa gau utkaem, den wier it in rare boel. Dêrom
tocht ik: lit it my earst ris my dokter weagje, as dy net
sjocht, dat it gekheid is, den sjocht in oar it ek net, en den
hie ik \'r gerest ünder west.
Dokter.
As \'t dêrom to dwaen is, Rjuerdom, den kinne jo it noch
wol weagje, hwent do ik yn \'e keamer kaem, tocht ik earst
sikerwier, dat it net best mei jou wier, sa raer likenojou,
mar do ik jo by de pols krige, fielde ik al gau dat it lak wier.
Rjuerdom.
Den scoe immen, dy gjin dokter is, it net fornimme scille?
Dokter.
Wol né, dat liket \'r neat op.
Rjuerdom.
Den scil de grap joun dóchs troch gean en den moatte
jou my dèrta helpe, dokter!
Dokter.
Nou noch moaijer; ... \'t is,myn wirk om sike minskeu
soun to meitsjeu en nou moat ik in soun rainske mei siik
meitsje! . . . dat is krekt tsjinstridich.
Rjuerdom.
Dat is wier, ... dêr ha jou gelyk oan, mar ik wol jo
6
-ocr page 86-
82
foaröf de han \'r wol op jaen, dat ik mei dy grap neat oars
as goed yn \'t sin ha.
Dokter.
As jou dat sizze, Rjuerdom, deu leau ik jo wol;... mar
as ik jo helpe scil, den moat ik dóchs hwet mear witte.
Rjuerdom.
Den scil ik it jo sizze ; ... do jou lijir de leste kear
wieren, habbe jo my fen de siiktme forteld fen Smids
Feikje, foartkomd noi jo tinzen ut in forbeane frijerij mei
myn omkesizzer: Rjuerd Gjalts ... Ik bin dêr letter
better mei op \'e heeehte kommen, hwent Rjuerd het oan
my syn need klage en my sein, dat syn heit it mar hiel
net lije woe, dat \'r mei Feikje frijde; en omdat \'r net fen
hjar ófsjean koe, het \'r my frege as ik him net helpe
woe ... Do haw ik earst ris nei Feikje fornomd, hwet
fanke as it wier en dat kaem krekt sa ut as jou sein ha,
dokter; it moat in tige best, sedich en oppassend from-
minske wêze, dy it wol wirdich is, dat it hjar goed giet.
Om nou to foarkommen, dat it Rjuerd en Feikje gean scoe,
lyk as it üs gien is . . . (hjir faget Rjuerdom in trien üt
syn eagen)
dat is to sizzen, dokter, lyk as it my gien is,
do ik jong wier (dokter, el; oandien,jout Rjuerdom stilswijend
de hun)
haw ik by Gjalt myn best dien om him ta tajaen
to biwirkjen; mar lak, hear, it like him \'r neat nei om
tawird to jaen. Och! och ! hwet kriich ik de wyn fen
foaren, it reinde bibelteksten, ik wit net, hwêr earne hy
se allegearre wcihelle; en \'t eintsjc-bislüt wier, dat \'r it
nea tastimme scoe, dat Rjuerd boaske mei dat fanke fen
\'e smid, omdat hja mar in melappe wier en fier vinder
Rjuerd syn stan en derby de dochter fen in kearel dy
gemien enóch wier om him, Gjalt sels, buten doar to
siniten. Ik bin do mar foart gien, hwent dêr wier neat
tsjin to praten, howol ik de divel yn hio fen lilkens. Dat
is foar twa dagen bard; en nou haw ik der to moarne in
-ocr page 87-
83
brief fen Gjalt oer hinne krige dy \'t net sünich is ... hjir
is \'r, lèz him eris, dokter, {hy jouwt dokter de brief oer
dy op
\'e tafel leit) den kinne jou sels eris sjean hwet
skobbert hy is. {Dokter kriget de brief oan en sjocht dij
yn; Rjuerdom voer
:) Hy easket \'r neat minder fen rny
yn, as dat ik meiwirkje raoat om Rjuerd fen \'e forkearde
wei óf to halden; ik haw dêrta de macht, seit \'r, troch
Rjuerd to drigen mei üntervjen en bin dat oan de eare fen
myn sibben forplichte.
Dokter, (nei dat \'r de brief i/n-
sjoen het, jout dy toer
oan Rjuerdom oer en
seit:)
Nou, nou! hwet in tale net ?
Rjuerdom.
Ja, is \'t net heislik! scoe min net divels wirde! . . .
Earst het \'r myn sister, der \'t er mei troud west het, it
libben sa sur makke, dat lija fen fortriet stoarn is en nou
scil \'r myn sisters soan, dy bêsto jonge, it libben sa lêstich
meitsje; en dat noch wol ünder de skyn fen frommens,
howol ik wit, dat jildsücht allinne him dèr ta driuwt.
Mar nou scil ik him joun eris to pakken ha, troch my
siik to halden en den scille jo eris grappen sjean, dokter!
Mar nou moatto jou my helpe ... \'t Is om it jild, dat
Gjalt gjin tawird jaen wol, ... ik scil mei it jild him
dêrta twinge.
Dokter.
En hwet wolle jo den, dat ik dwaen scil, Rjuerdom ?
Rjuerdom.
Jou hoege oars neat to dwaen as de Ijue yn \'tgeloveto
bringen, dat it tige min mei my is.
Dokter.
Mar ik kin de ljue dóchs net best in leugen
fortelle, Rjuerdom !
-ocr page 88-
84
Rjuerdom.
Dat hoeclit ek net, dokter; dat arbeiderswiif, dy \'t jou
hjir bean het, scil it wol oeral forteld ha; as min hwet
oan \'e klok hingje wol, den moatte sokke froulju it earst
witte. Derby bliuwe jou hjir nou hwct heel lang, langer
as min fcn jo wend is; dat jout al wer skean each ; en
tink \'r nou ris om, as jo strak wer yn \'e bürren komme,
den steane \'r al in hiele bulte ljue ré, om jou to freegjen
ho it mei my is . . . Den hoege jou oars neat to sizzen,
as: hy libbet noch, en sa lang \'r libben is, is \'r noch hope.
Den liege jo net en de ljue seille den dy tried wol fierder
ütspinne. It lit den gjin twivcl, Gjalt komt hjir sa gau
as \'r \'t nij\'s heart, hwent fen sels, hy wol \'r by wêze, as
ik opstap; forearst, om my yn de leste ure noch ta bikea-
ringe to bringen en oard, om as it mei my dien is, dalik
de kaeijen oer to nimmen, sadat nimmen de boel bistelle
kin. {Hy loket eris en seit:) Nou, dokter! hwet sizze jo
dêrfen ?
Dokter.
\'t Is moai bitocht ... ik scil jou helpe . . . dy grap is
oan de rjuchte bisteld.
Rjuerdom.
Den komme jo joun ek wer, dokter! jou moatte dêr by
wêze, hear!
Dokter.
Dat scil ik dwaen, Rjuerdom, den moat ik nou mar gau
foart; ik haw noch hwet droktme, dy wol ik earst graech
ófdien ha, myn oare siken kinne der net ünder lije. {Hy
giet oerein, stekt syn romer lecch en seit, wylst \'r Rjuerdom
de hdn jouwt:)
Dei, Rjuerdom; it beste joun mei jo
siiktme, hear!
Rjuerdom.
Ek goeden dei, dokter! en it beste oan \'t joun ta; mar
hear noch ris efkes, jou meitsje joun net wer tarissing om
-ocr page 89-
65
my to litten, oars wol ? ... As ik dat greate mes sjoch,
den rint my de grize oer de grouwe en den kin ik my
nea goed hulde.
Dokter.
Né, Rjuerdom, dat scil ik net wer dwaen, ik wit nou
wol, dat it net nedich is. (Hja skodsje elkoar ijet ris
laeitsjende de. han ; dokter óf.)
Rjuerdom, {allinne.)
Si soa, nou is \'t klear, hear, dokter scil my helpe; jonge!
jonge! dat wirdt in grap. Gjalt scil earst yn syn eigen \'r
wol bliid om wèze, as \'r heart, dat ik om myn ein sykje;
mar letter, as ik testemintsje wol, den scil \'r rare eagen
opsette ; wy scille den eris sjean, ho \'r ünder dat üntervjen
stiet . . . Kom, nou moat ik earst hwet ite ; ik haw in
aerdich süpke hawn; as Beits nou noch hwet pankoekjes
foar my hie, dat scoe my net sa min talykje; ik moat it
joun ek üthalde kinne; dêrom earst hwet ite en den hwet
sliepe. (Hij strampelt in bytsje stuiterich nei de doar en
ropt
:) Beits ! Bei! . . . eits !! Bei! . . . ei!! . . . eits !!!
binne myn pankoeken hast ré !!! Bei!! . . . eits !!!
B e i t s k e, (komt op.)
Wol ja, Rjuerdom, dy habbe al in ure foar jou ré stien;
hwêr wolle jou ite, hjir as yu de oare keamer? As jo
mar efkes yn de oare keamer ieten, tocht ik, den koe ik
it hjir ünderwiles hwet oprêdde.
Rjuerdom.
To den mar, den bin ik ek tichte by \'t bed; ik moat
nei iten in lyts knipperke ha, Beits ; ik bin leau \'k in
bytsje dronken; woste my efkes stypje as ik nei de oare
keamer gean ?
B e i t s k e.
Myn goede gunst, Rjuerdom ! haw we dokter en jou sa süpt?
Rjuerdom.
Ei né, dat is oars net sa slim gien; ien fen beiden moat
-ocr page 90-
86
wier wêze: dokter kin mear hawwe as ik ef madera dêr
sit neat gjin kreft yn; wy habbo beide like faek de romers
fol hawn en dokter roun \'r noch like rjucht om ; mar ik
net, hear; jonge, Beits! hwet stjitte my de skonken oan,
dou moaste my hwet stypje, hear! (Beitske nimt him nou
yn
\'e earm en beide geane óf ; nei in amery komt Beitske
wer op.)
Beitske, (allinne.)
Nou, nou, sa haw ik Kjuerdom yn lang net sjoeri, de
alde is hjoed wer rare los, earst mei dy grappige siiktme,
ha, ha! dat gong oars moai, hy scoe dokter eris by de noas
ha en dokter die it yn pleats him; en nou het\'r sikerwier
in bytsje tofolle preaun; dat iten scil ek hwet wirde; hy
scil wol gau op bed lizze to snoarkjcn; . . . nou, den haw
ik ek eris in bytsje rest . . . Kom, nou moat ik earst dy
flessen en romers mar wei bergje en den kin Lys de keamer
wol hwet redde, ik gean den hwet yn Rjuerdom syn stoel
sitten to resten. (Hja nimt de maderaflesse en sjocht dêr
tsjin oan, wylst hja dy omheech hdldt.)
Dêr liket net folie
kreft yn dat goed to sitten, seit Rjuerdom; nou ik wol it
ek wol leauwe, hwent dokter het \'r in aerdieh hapke üt-
nomd, scoe \'k sizze, . . . den scil ien romerke fol my ek
gjin kwea dwaen. {Hja jit in romerfol yn en bringt it
oan
\'e müle, mar nou ropt:)
Rjuerdom, (ut \'e fierte mar siin-
der op to kommen.)
Beits! Bei . . . eits !! Bei! ... ei!! ... eits !! ! (Beitske
tvirdt dêrfen sa heislike kjel, dat hja yn tenen it hiele
romerfol madera troch slokt en dalik gjin andert jaen kin.)
Rjuerdom, (komt nou om \'t hoekje
fen de doar kypjen en
seit, wylst
V him oan
de doar fêst hdldt:)
Beits! hearste my net, as wolste my wer net hearre!
-ocr page 91-
87
B e i t s k e, (stjitterich.)
Ja wol, Rjuerdom! . . . ho s . . scoe ... ik jou n . .
net . . . hearre wolle ! ... ik hie k . . krekt ... de
flesse ... yn \'e h . . han, om dy w . . wei . . . to berg-
jen ... en dy koe ik . . . döchs n . . net . . . delsmite,
oars wol ?
Rjuerdom.
Ik tochto, datstou nou ünder in bitterke sieste en datste
dêr sa gau net by wei komme koeste.
B e i t s k e.
Nó, sikersonk net, Rjuerdom.! fij! ho komme jou \'r by
. . . ik oan \'e bitter . . .
Rjuerdom.
Nou, hear den ris efkes . . . myn siiktme giet hjoed
troch, hear, en dou moaste alles dêrfoar ré halde, krekt
allyk as fen \'e moarn, en goed ütsjean, hear! as \'r folk
oankomt, den moaste my dalik roppe; de divel scil dy
belje, aste net oppaste, hear Beits! (óf.)
B e i t s k e, (ropt him efternei.)
Jou scille jo sin ha, hear Rjuerdom, ik scil wol oppasso.
(allinne.) Do alde seit de hieltyd: de divel scil dy helje,
hear; mar as de divel Rjuerdom sels hjoed net to pakken
het, den wit ik \'r neat mear fen. (Hja herget nou de
flessen en de smokerij fen \'e tafel óf en seit ünderivïles:)
Dat scil hjir hjoed wer in droktme jaen, it is goed, dat ik
oan Rjuerdom syn streken wend bin, oars wier it net om
\'t ut to halden; nou, as \'r joun fen syn siiktme net mear
eare het as fen \'e moarn, den jout him dy grap net folie.
(Hja het de boel hwet oprcdden en ropt nou oan \'e doar:)
Lys! Ly! . . . ys!! kom hjir ris efkes.
L y s, (komt op.)
Hjir bin ik al, Beitske, hwet moat ik.
B e it s k e.
Jou moatte de keamer mar hwet oprêdde, den gean ik
-ocr page 92-
88
liwet yn de briedstoel sitten, sa lang as Rjuerdom stil is,
ik kin it oars net fol halde.
L y s.
Der habbe jou gelyk oan, Beitske; . . . sa\'n ald man
jout oars al in bulte droktme en by siiktme binammen;
nim jo rest mar in bytsje, wy kinne it nou wol redde, it
wirk is efter al hast öfdien.
Beitske.
Wolle jou den earst tsjin Sibbel sizze, dat hja tige üt-
sjean moat as \'r ek goeds oankommo ? ... Sa gau as se
imraen oankommen sjocht, moat se my warskouwje.
L y s.
Ja, kom, den scil ik dat earst dwaon. {Lys óf en Beitske
jout hjar yn
\'e briedstoel del en bigjint al gau de holle
hingje to liften en to snoarkjen. Lys komt teer op en sjocht
earst er is as Beitske al sliept; dcrop seit hja :)
Nou, dy het
\'m foar goed beet, bear! {Hja set de stoellen torjuchte en
faget it hus oan en seit ünderwiles
:) Dat sloof het hjirek
al net folie, hja scil it wol goed habbe fen iten en drinken,
to minsten as ik yn hjar plak wier, den scoe ik wol meitsje,
dat ik it goed hie; mar it is oars ek al net folie om jira-
mer mei sa\'n grommelich ald man om to gean. In arbei-
ders-hüshillding is net alles, foaral net, as men sa\'n keppel
bern het lyk as ik; mar om aldfaem to wezen, dat liket
my ek al net sa best ta. Ik leau, Ijeaver bliuw ik noch
mar dy \'t ik bin, as haw ik it den ek hwet minder fen
iten en drinken. Ik haw fen Smids Feikje leard, dat it
yn in arbeiders-hüshalding ek hwet oars kin, as ik it earst
oanlei en nou is myn man ek folie botter tsjin my. It
giet by Sibbbel en dy ek sa . . . o! hwet habbe wy hwet
oan dy beste faem to tankjen en nou moat dat stumper
sels sa lije en dat troch dy fine, gjirrige Gjalt . . . Och!
och! ik kin it my nea sels forjaen, dat ik hja sa wol
birabbe ha.
-ocr page 93-
89
S i b b e 1, (komt haestich op en seit:)
Beitske ! Beitske ! dêr komt in hynsder en wein oanriden
en in ein fierder komme Gjaltboer en syn soan it paed
lans rinnen.
Beitske, (springt oerein en ivriuiot
de sliep tit \'eeagen ; dêrnei
seit hja, wylst hja noch
gappet f en sliep:)
Gean jimme den mar nei efteren en pas op, dat se jimme
net sjogge, hja mochten eris miene, dat Rjuerdom al wei
wier. (Lys en Sibbel óf, Beitske allinne, seit:) Kom, nou
wirdt it ek tiid, dat ik Iljuerdoin rop, hy het oars noch mar
in koart sliepko hawn ; Gjaltboer liket al haest to hawwen,
hy komt gauwer as ik tocht hie, mar it moat nou mar net
oan my lizze, as de grap net goed biteart. (Beitske óf, mar
nei in amery komt hja irer op, mei Bjuerdom, dy \'t de
sliepmütse noch op het, yn \'e earm ; Bjuerdom wriuwt him
ek noch yn \'e eagen sa slieperich is V ; hy is noch lang net
hy de tiid; mar nou seit Beitske:) To Rjuerdom! Gjalt
komt \'r oan en den woenen jo siik lykje, oars net ?
Rjuerdom, (hy komt, nou V Gjalt
syn namme heart, dolik
ta him sels en seit:)
To divel ja, Beits! gau, gau, hwêr is myn sliepmütse.
Beitske.
Ei, dy habbe jou ommers noch op ; luk jo dêr noch mar
hwet fierder yn en gean den mar sitten, hjir binne de tekkons
en de kjessens al. (Hja kriget dy en Rjuerdom giet sitten
en wirdt troch Beitske \'r toer ünder stoppe, krekt as de
earste kear.)
Rjuerdom, (Ut de holle hingje.)
Lykje ik sa wol siik to wezen, Beits ?
Beitske.
Wol, Rjuerdom! jou lykje wol op \'t stjearen nei dea to wezen.
-ocr page 94-
90
R j u e r d o m.
Ja, dat scil mei dy ek sa wol wêze, tink ik . . . ik kin
mei dy al wer neat wirde, ik woe wol, dat dokter hjir mar
wier; mar hwa koe tinke, dat Gjalt sa gau komme scoe,
hy liket al tige happich to wezen.
B e i t s k e.
Dokter is \'r al, dy is mei de wein kommen en scil nou
earst it hynsder wol to plak bringe, tink ik.
Ejuerdora.
Den moaste der dalik hinne, om dat te bioarderjen en lit
dokter den hjir komme, ik kin hjir nou net wei. (Beitske
óf, wylst Itjuerdom hjar efternei ropt:)
Beits! . . .
Bei! . . . eits !! net lang bliuwe, hear! (Rjuerdom, wylst
V nou allinne sit, huldt hint as immen dy tige siik is, hy
sykhellet tige swier en kochelt, dat it Invet docht.)
Dokter, (komt op, hy sjocht
Rjuerdom sitten en
bigjint tige to laeitsjen;
hy seit:)
Dei, Rjuerdom! nou, nou, dat liket noch malder as fen
\'e moarn, jou habbe \'r slacli fen om jo oars foar to dwaen
as jo binne; hwet scil Gjalt frjemd opsjean, hy is hjir
omtrint.
Rjuerdom.
Soa, liket it goed, dokter ? . . . kom, dêr bin ik bliid om,
den is it dóchs net alhiel forkeard, dat ik to moarne hwet
to folie bitter hawn ha. Ik kin jo mei in wier wird sizze,
dokter, dat ik mar hwet dronken wier en dêrtroch bin ik
nou yn wierheid in bytsje siik; mar dat scil ünder de
bidriuwen wol better wirde, tink ik. Ik hoech net litten
to wirden, wol dokter ?
Dokter.
Né, dat hoecht net, it scil oars wol gean, tink ik . . .
hald jo nou mar goed, hear!
-ocr page 95-
91
R j u e r d om.
En jou ek sa, dokter J . . . stean fêst yn \'e skoen,hear!
en forried my net.
B e i t s k e, (komt op en tsjinnet Ojalt
oan mei syn soan.)
Dokter! Gjaltboer is \'r mei syn soan, Rjuerd, mei ik dy
wol by Rjuerdom talitte?
Dokter.
Nou ja, dat kin al, mar de alde moat net folio oanspraek
ha, moat jo sizze. (Beitske wjuwt nou mei de hun ta de
doar nt en foart dêrnei komnie Gjnlt en jonge Bjuerd op,
de léste mei in tige drovich üterlyk ; Beitske rint hu-et hin
en icer.)
Gjalt, {tige kliemerich.)
Dei jimme, ho is it mei de sike, dokter ? (Dokter lukt
oan \'e skouders, mar seit neat. Gjalt wer :) Is \'r noch by
syn forstan, doktor ? Dêr is, scoe \'k tinkc, foar syn libben
gjin hope mear ; wier \'r nou noch mar hope foar syn earme
siele. (Dokter lukt wer oan \'e skouders ; Gjalt teer:) Praet
\'r ek ris oer syn sieletastan, dokter ? (Dokter skodhollet fen né.)
Rjuerd Gjalt s, (irirdt it nou to slim, hg
boarst yn triennen ut, fait foar
omke op \'e knibbels, krigetomke
by de hun en seit:)
O, omke! myn omke ! jou moatte noch not hinne gean,
wy kinno jo noch sa min misse, omke! (Dat docht omke
tige goed; koe V him by de fragen fen Gjalt hast net yn-
hdlde fen lilkens, nou slacht V de eagen op en triennen
rolje him eer \'e wangen ; hy fielt it, dat to minsten jonge
Bjuerd net nei syn dea forlanget; hy sjocht Bjuerd tige
goedlik oan, wylst V by him sels in eed docht, dat \'r him
helpe scil en knypt him dérom yn \'e hun ; foar sa\'n slimme
sike wol hwet al to hird, hwcrom jonge Bjuerd den ek mei
forivündering nei Omke opsjocht; hy hüldt him lykwol stil.)
-ocr page 96-
92
G j a 11, {wylst \'r syn soan by de
earm kriget en by Omke
weilükt.)
Rjuerd! dou moaste dy sa net oanstelle, wy moatte om-
mers tofreden wêze mei it jinge de Heare oer üs biskikt;
as it Syn wille is, dat Omke hjir wei moat, den moatte
wy üs der ünder del jaen. As ik mar wiste, dat \'r goed
oanlanje mochte, den koe ik syn hinnegean wol skikke,
der wirdt lijir net sa folie oan him forlern ... Ik moat
eris efkes mei him prate, dat kin wol, wier dokter?
(Dokter knikt mei de holle f en ja; Gjalt giet nou by
Bjuerdom op in stoel Hitten en nou fait him it each op \'e
kaeijen dy by Rjuerdom op \'e tafel lizze, hy kryt dy en
wol se yn \'e büse stekke.)
B e i t s k e, (sjocht dat en seit foars-
wei.)
Hou Gjalt! dat binne Rjuerdom syn kaeijen. (Dokter
draeit him om, omdat V it laeitsjen kast net litte kin en
jonge Rjuerd docht de büsdoek foar \'e eagen sa slcammet V
him oer syn heit.)
Gjalt.
Ja, mar Beitske! as de alde \'eris gau mei hinne giet
lyk as it wol liket, den wier it mar better, dat ik de
kaeijen hie.
Beitske, (Mik.)
Hjir de kaeijen, siz ik; . . . de alde libbet noch en sa
lang as \'r libbet scil \'r hjir ek baes bliuwe. (Gjalt hdldt
lykwol de kaeijen noch yn
\'e hdn, mar nou seit alde
R j u e r d o in, (mei in sivakke stimme.)
Beitske, de kaeijen.
Gjalt, (joid nou oan Beitske
de kaeijen oer, mar seit
tsjin Rjuerdom :)
Sweager! sweager! kinne jou sa alhiel op \'t eintsje fen
-ocr page 97-
93
jo libben, noch om ierdske dingen tinke ? ... Ik kin wol
sjean, dat jou noch net klear binne foar de iwichheid.
Rjuerdom, (stjitterich.)
Nó, dat bin ik . . . ek net ... ik haw . . . hjir earst
noch hwet ... to dwaen ... De notaris . . . moat
komme! . . .
G j a 11, (mei forbazinge.)
Hwet scoe de notaris hjir dwaen ! bikommerje jou nou
net mear om jo ierdske goed; dat redt him fen sels.
Rjuerdom.
Ja, mar dat redt him . . . den net ... sa as ik ... it
habbe wol ... ik wol... testemintsje ... (jonge Rjuerd óf.)
Gj alt.
Jou testemintsje! ho komme jo dêr by, Rjuerd, dat is
ommers net nedich; de wet stelt my, ef ljeaver myn soan,
ommers döchs as ienichste erfgenaem yn it bisit fen
jou goed.
Rjuerdom.
De notaris . . . testemintsje . . . gau . . . dêr is nin lang
tiid mear . . . testemintsje ... Beits !... Bei!... eits !!...
Bei! . . . ei!! . . . eits !!!... de notaris! . . .
G j a 11, (ter side tsjin Beitske.)
Gean mar hinne, Beitske, nei de oare keamer, den is \'r
mülk gerest en bliuw dêr sa lang as it ófrün is mei de
alde; it is foar jou sels ek better, dat jo der net by binne.
(tsjin dokter:) Min kin wol sjean, dat it minder wirdt,
dokter; hy is al lang net mear by syn forstan. (Beitske
bliuwt lykwol.)
Dokter.
Ik kin it net fine, Gjaltboer, dat Rjuerdom net mear by
syn kennis is.
Gjalt.
Kinne jou dat net fine ? . . . jou, as dokter, moasten dat
wol yn \'e earste pleats fine kinne, tocht ik.
-ocr page 98-
94
Dokter.
Dat jouw ik jou ta . . . mar omdat ik it net fine kin,
scil it ek wol net sa wêze ... Ik scil fierder gean . . .
De aldman is by syn folie kennis en winsket to testemintsjen;
. . . dy winsk moatte wy tastean, dy kin wy mei in gerest
gewisse net tsjin wirkje . . . ik to minsten kin dat net
dwaen en dêrom scil ik ien nei de notaris stjürre. (Hij
giet opstean.)
Kjuerdom.
De notaris ... de notaris moat komme!
Gjalt, (t/iet ek opstean en seit
tsjin dokter:)
Dokter! dokter! scille jou my nou ek noch tsjin wirkje ?
Dokter.
Nó, yn \'t alderminst net; jou habbe like min oan lljuerdom
syn goed te sizzen as ik ; lyk as jo seijen, is sünder testemint
jou soan de ienichste erfgenaem en krije jou der neat fen.
Nou witte wy allegearre wol fen dy frijerij fen jou soan
mei Smids Feikje en ek, dat jou der sa op tsjin binne.
lljuerdom wit dêr ek fen en is \'r mülk ek op tsjin ; nou
kin it ommers best wêze, dat \'r syn goed op jou meitsje
wol, den habbe jo yens soan better yn \'e macht.
lljuerdom, (it spant nou dat V him
goed lidlde kin sa slop
is
V om dy fine set
fen dokter en dêrom
ropt \'r mar iver
:)
De notaris! . . . testemintsje! ... de notaris! . . .
Gjalt, (tsjin dokter.)
Dêr haw ik sa net oer tocht, dokter, mar jou kinne wol
gelyk ha . . . Rjuerdom het mei my oer dy frijerij praetten;
hy woe do wol in goed wirdsje foar myn soan yn lizze,
mar do haw ik him dy dingen eris goed ünder \'e eagen
brocht en him dêrnei noch in brief skreaun, hwêryn ik
-ocr page 99-
/
95
him oanrieden ha om myn soan to untervjen, as \'rnetfen
dy smidsdochter ófseach. Dêroan liket \'r nou yn syn loste
ure noch foldwaen to wolion, om to minsten dêroer net
mei in biswierd gewisse de iwichheid yn to gean. Dat is
noch in treast foar my, al ho min ik it oars foar him to
mjitte sjoch.
R j u e r d o m.
De notaris! . . . testemintsje! . . .
Rjuerd Gjalts, (komt op mei de notaris en
notaris syn skriwwer ; hy is
dalik do Bjuerdom de earste
kear om notaris röp, foart
gien om dy to heljen ; hy seit
tvylst \'r nei Omke ta giet:)
Dêr is mynhear de notaris al, Omke! ik haw mynhear
mar gau helle. (Omke knikt mei de holle, dat it goed is.)
Gijalt, (ter side tsjin syn soan.)
Och, hwet bistou in stakker, hwet scil dy dat sur
opbrekke.
Notaris, (giet nei Bjuerdom en
seit:)
Joun, Bjuerdom! ho is \'t mei jo ?
Bjuerdom.
Joun, mynhear . . . hwa binne jou ... ik kin hast ...
net mear sjean . . . binne jou mülk . . . notaris
Pennema ?
Notaris.
Just, Rjuerdom! . . . jou habbe my hjir helje litten,
hwet is \'r fen jou tsjinst ?
Rjuerdom.
Ik woe wol . . . testemintsje, mynhear . . . omdat ik
nel . . . dat it nei ... de ein giet . . .
Notaris.
Dat kin wol, Rjuerdom! it is altyd goed, dat min öfdien
-ocr page 100-
96
wirk het, as min hjir wei moat; wy wolle lykwol hoopje,
dat jo noch wer better wirde meije.
Rjuerdora.
Sa tinke se . . . der allegearre . . . net oer, mynhear.
{Dokter sjocht by dat sizzen fen Rjuerdom, Gjalt eris oan
en kin it laeitsjen hast net Vitte, omdat dy sa sur sjocht.)
Notaris.
Nou, dat is dat . . . ho wolle jou jo testemint ynrjuchte
ha, Rjuerdom ?
Rjuerdom, {langsum.)
Ik wol habbe . . . dat myn erfgonaem ... in plak yn
\'t . . . gasthus keapje scil . . . foar myn . . . alde hüs-
haldster; ... dy het jimmer . . . best foar my . . . op-
past ... en het dat wol . . . oan my fortsjinne ... Ik
haw hjar . . . net altyd like . . . goed bihannele; ... ik
bin wol ris ... hwet holderich en bolderich . . . tsjin
hjar west; ... ik wol . . . dat nou wer . . . goed
meitsje . . .
B e i t s k e, {is dêrfen sa oandien, dat
hja forjit, dat Rjuerdom\'s
siiktme mar in grap is,
hja giet nei him ta, kriget
him by de hun enseit:)
Och! myn beste Rjuerdom; jou habbe my jimmer goed
bihannele, ik haw it altiden sa skoan by jo hawn, jou
moattc noch net hinne gean, ik hoopje dat ik jo noch for-
skate jierren tsjinje mei. {Min kin sjean, dat dat Rjuerdom
wer goed dooht, hy knypt Beitske ta in leiken dêrfen yn
\'e hun ; nou komt it Beitske wer yn \'t sin, dat Rjuerdom
net yn wierheid slik is, mar hja haldt hjar goed.)
Gjalt, {ter side tsjin syn soan.)
Dat biste al kwyt, domkop !
Notaris, {tsjin Rjuerdom.)
En ho nou fierder, Rjuerdom ?
-ocr page 101-
97
Rjuerdom.
Den stel ik . . . tsien tüzen goune . . . ünder \'t bihear
. . . fen jou en fen dokter, . . . jimme kiune ... de
boargemaster ... as trêdde man . . . der by nimme . . .
Mei dat jild . . . moat de groun . . . lein wirde . . . foar
in fïïns . . . hwêrüt alde en earme minsken, . . . tsjinst-
boaden en arbeiders, . . . dy jimmer . . . best oppast . . .
en hjar sols . . . redden ha . . . mar dat op hjar alde .. .
dei net mear kinne, . . . stipe wirde moatte . . . (Notaris
syn skriuwer sit ünderwiles to skriuwen.)
G j a 11, {wer tsjin syn soan, ivylst
V him in stomp mei de
earm jont.)
Dat biste al wer kwyt, domkop!
Notaris.
Ho nou fierder, Rjuerdom ?
R j u e r d o m.
Myn erfgenaem . . . scil in . . . skildbikintenisse fine
. . . fen myn . . . swaeger Gjalt... fen toalftüzen goune...
Dêrfen is nou . . . yn jierren . . . gjin riute bitelle . . .
Ik wol hawwe . . . dat dêr in streek . . . troch helle
wirdt ... en dat myn swaeger . . . dórom nea... moanne
wirde scil ... Ik doch dat ... ut tank . . . foar dat \'r
altyd sa . . . bikominere west het . . . oer myn ... iwich
lok . . . (Nou byt Gjalt him sels fen grimitigens op \'e lippen
en icit hast net hwêr \'t er hinne sjean scil.)
Rjuerd Gjalt s, (ter side tsjin syn heit.)
Dat biu ik ek wer kwyt, heit! (De oaren moatte hjar
wer omdraeije, omdat hja it laeitsjen hast net litte kinne.)
Notaris.
Dat is wer opskreaun, Rjuerdom ! Nou scil \'r, tink ik,
noch wol hwet wêze, oars net?
Rjuerdom.
Ja, mynhear! . . . dêr bliuwt yet . . . al hwet oer . . .
7
-ocr page 102-
98
hwent it is my ... altyd skoan gien . . . yn \'e wrald
... Ik wol hawwe . . . dat fen al . . . it oare . . . dat
\'r oer bliuwt . . . ienich on allinno . . . erfgenaem wirdt
. . . (nou is \'t as steane hja allegearre as mei saun pear
earen to hearren)
do dochter . . . fen üs smid,... in goed
best ... en gol fanko, . . . jou kinne . . . hjar wol, inyn-
hear! hja wirdt meastal . . . Sniids Feikje neamd ; . . .
mear haw ik . . . neat to sizzen . . .
Rjuerd Grjalts, (tige bliid tsjin syn
heit.)
Dat bin ik ek wer kwyt, heit, mar dat scil ik wol werom
krije. (De oaren sjogge ek tige fleur iclt, foaral dokter; hy
giet opstean en jout Rjuerd Gjalts de hun. Gjalt allinne
sjocht krekt allijk as
V de iene op liet en de oare V troch
scil; hja sicye allegearre in amerij stil, wylst notaris syn
skrinwer ünder mynhear syn oanwizing it testemint foart
ófmakket.)
Gjalt, (seit einliks.)
Mar dat is nou ommers to gek! dat is kranksinnich; it
is nou ommers klear enóch, dat Iljuerd net mear by syn
sinnen is, sa\'n testemint kin ommers nea foar de wet bistean,
mynhear!
Notaris.
Ik fyn gjin reden om mei jou gelyk to tinken, Gjalt;
mar wy habbe de dokter hjir, dy kin \'r it beste oer oar-
dielje, lit dy it mar ütmeitsje.
Dokter.
Mynhear notaris! ik forklearje, dat Rjuerdom by syn
folio forstan is en hannelt mei kennis en ünderskie.
Notaris.
Den freegje ik \'Rjuerdom noch eris, as \'r bliuwt by it
jinge \'r sein het.
Rjuerdom.
Ja, mynhear! . . . sünder twivel! . . .
-ocr page 103-
00
O e g e, (de skriuwer.)
Den kin raynhear it testemint nou foarlêze, ik bin \'r
mei ré.
Notaris.
Kom, den scil ik dat dwaon en it dérnei mei Rjuordom
en de getsjügen ünderteikenje; myn skriuwer kin wol
getsjüge wêze, en jou, tink ik, ek wol, wier dokter ?
Dokter.
Mei alle ljeafde, mynhear notaris! (Nou scil notaris it
testemint foarlêze, mar nou ek smyt Rjuerdom de tekkens
en kjessens fen hint óf en springt oerein as in jong kearel,
hwêrfen hja allegearre, bihalve dokter en Beitske, tige kjel
wirde.)
Rjuerdom.
Jou hoege it net to lezen, mynhear, lit it my sels mar
léze, den wit ik to minsten, dat myn léste wille \'r goed
yn stiet. (Nou préste hja it allegearre ut fen it laeitsjen,
bihalven Bjuerd Gjalts, dij ivol bliid is, mar Mm om si/n
heit ynhdldt en Gjalt sels, dy sjocht as \'r de divel yn het.)
Gjalt.
Ik sjoch nou, dat dit allegearre mar grappen binne . . .
ik moat sizze, dokter, sokke gemiene dingen hie ik by lju as
jou net socht. Oer Rjuerd wol ik net ienris prate, dy is
dóchs forlern.
Rjuerdom.
Tinke jou, swaeger! dat it allegearre mar grappen binne ?
iNou ja, myn siiktme al, mar it testemint net, hear, om \'e
divel net, dat is wol wettich, in \'t wier mynhear notaris ?
Notaris.
Sündor twivel, Rjuerdom! en as wy it mei\'noar ünder-
teikene ha, den is it dalik fon kreft; jou kinne it lykwol
letter wol wer oars meitsje.
Rjuerdom, (tsjin notaris, ivylst V syn namme set.)
Sa om \'e divel net, mynhear ! of it moast wéze, dat Gjalt
-ocr page 104-
100
my hwet folio lèstich is ; den kin ik de gunstige biskik-
king oer syn skild wol ris wcr ynlüke. Oars is on bliuwt
Srnids Feikje allinne myn erfgenaem. {Dokter het ünder-
wiles Smids Feikje ilt
\'e oare keamer wei op H toaniel helle,
sünder dat Rjuerdom it tnirken het. Feikje sjocht bidêsd
foar hjar ut, hja is noch wol bliek, mar sjocht tige rêstich
en tofreden ; hja komt stapke foar. stapke oan dokter syn
hdn neijer; de oaren sjogge allegearre like frjemd en Gjalt
en syn soan binammen. Non Feikje hjar Bjuerd foarby
komt, Ut hja hjar eagen mei in striel fen Ijeafde en for-
tromven op him rêste. Bjuerd Gjalts wirdt dcrtroch alhiel
biteutere. Dokter liedt Feikje sa fier, dat hja flak foar
Rjuerdom stiet.)
Feikje, (hja het it leste sizzen fen Rjuerdom
heard, non slacht hja de earmen
om Rjuerdom hinne en seit flaey end,
wylst hja mei hjar goedlike eagen
him oansjocht:)
Nó, Rjuerdom ! allinne net, ik kin jou erfgenaem allinne
net wêse, der is ien, dy wol mei my diele mei, oars net?
En den ek jou hannelwize tsjinoer Gjaltboer, der scille jo
ek net wer op torêch komme, oars wol ?
Rjuerdom, (alhiel forbüke.)
To . . . di . . . divel, fanke! hwêr bistou sa gau wei
komd . . . biste ut \'e loft fallen, ef koeste it rüke, hwet
hjir barre seoe ? (Nou sjocht se üt forlegenheid dokter oan,
dy der tofreden en bliid glimkjende by stiet en nou komt
Rjuerdom
V efter ho de foarke ijn \'e stutte sit; hy sext:)
O ! nou sjoch ik it wol, dat is jou wirk wer, hin dokter ?
Jou binne de divel to slim ; as min jou in heal wird
seit, den kinne jo it oaro allegearre wol riede . . . Nou,
dit is better as litten, hear, dit mei my eris in pear
blide triennen kostje, it kostet my gjin bloed. (Hy
faget de triennen óf en seit tsjin Feikje:)
Dou biste
-ocr page 105-
101
foartoan myn bern, hear, en dou kinste fen my krije
hwetste woste.
F e i k j e.
O, myn ljeave, beste Omke ! ik scil jo iwich tankber wêze !
Rjuerdom.
En dyn earste jonge nei my ncame litte, hear! (Non
slacht Feikje de eagen foardel en de oaren laeitsje.)
Mar
hear ris, dou seiste nou al Omke tsjin my, mar sa fier is
\'t noch net, dêr inoat earst noch al hwet barre, foar dat it
dêroan ta is. (Hy nimt Feikje by de hun, bringt hjar bxj jonge
Bjuerd en seit
:) Hjir Ejuerd, dêr heste nou dyn oansteand
wyfke, hear, haw hjar ljeaf en pas goed op hjar, hwent
sy is dat wirdich. {Jonge Bjuerd wit nou net ho V him
holde scil en dêrom forfolget de alde:)
Hwet stieste dêr
nou biteutere en krekt aste gjin tsien telle kinste! haw ik
it nou net goed makke? . . . Dou heste my frege as ik
dy helpe woe om Feikje to krijen, nou haw ik dy holpen
en kinste hjar krije en nou liket it wol, dat it noch net
goed is. Ik koe niis, al ho ald ik ek bin, hast net litte
om Feikje to patsjen; as ik yn dien plak wier, den hie
\'k hjar al lang by de flarden pakt. (Hja steane hjirby
mei hjar trijen midden op
\'< toaniel, de oaren binne alle-
gearre nei de eftergroun gien en steane der meVnoar to
müskopjen en to laeitsjen. Gjalt allinne stiet yn in hoeke
nei fouren ta en sjocht stiif foar him del)
Rjuerd Gjalt s, (tige earnstich.)
O, omke! ho scoe it net goed wêze, jou habbe mear
foar my dien as ik ea tinke doarste; ik wit net ho ik
myn tank ütsprekke scil en dóchs üntbrekt my noch hwet
om yn wierheid lokkich to wezen.
Rjuerdom.
En hwet is dat den, jonge!
Bjuerd G j a 11 s.
It bigruttet my sa om myn heit, omke !... \'t Is wier.. .
-ocr page 106-
102
heit woe it net lije, dat ik by myn Feikje kaem, mar hy
hie it oars goed mei my foar ... Ik woe nou sa graech,
dat heit ek syn tawird jaen woe en dat \'r bliid wier mei
üs. (Feikje en Rjnerd steane hdn yn Juin en sjogge elkoar
fol Ijeafde oan.)
Rjuerdom.
Nou, jonge ! haw dêr mar gjin noed mear mei... Jimme
heit woe dy ommers in ryk wiif ta ha, nou kinste sa\'n
ien krije en in besten ien dêr by. (Hy jout Feikje hjirby
in tikje op it wang, hwêrom hja him oanlnket.)
Ik doar
wol wedsje, dat jimme heit nou ek wol yn syn skikis, as
\'r it mar sizze wol. (Nou giet V nei Gjalt ta, jout dy de
hdn en seit:)
Hjir, swaeger! dêr is myn han, stek de
holle nou mar op; hwet bard is, dat is bard, dêr wirdt
nou net mear oer tocht, wêz nou bliid mei it lok fen jou
soan en leau mar frij, dat jo in dochter krije, dy \'t jou
eare heech hulde scil. Kom, wy binne swaegers, lit üs
nou ek wer frjeunen wêze ... \'t is wier, ik bin wol ris
hwet rau, mar ik mien it net sa min, oars wol ?
Gjalt.
Ik wol graech leauwe, Rjuerdom, dat jou it goed miene,
howol jo wize fen dwaen wol ris hwet frjemd is, mar ik
fen myn kant scil \'r my by del jaen, ik jouw myn tawird.
(Nou geane lljuerd en Feikje han yn han nei him ta, krije
him elts by in hdn en sizze:)
Rjuerd Grjalts.
O, myn boste heit! hwet meitsje jou my nou
lokkich.
Feikje.
Beste Gjaltboer! jou jouwe my it libben wer, ik scil jo
ljeaf habbe as in eigen bern.
Gjalt, (oandien.)
Dêr kin ik op bitrouwe, dat nel ik nou; forjouw it my
mar dat ik sa blyn wöst ha, den is it my al enóch.
-ocr page 107-
103
F e i k j e, {leit Gjalt nou de hdn
op \'e müle.)
Sa meije jou net prate, heit! ... ik mei jo sa ommers
wol neame ? . . . Lyk as Iljuerdom niis sei, hwet foarby
is, dat is foarby, dêr wirdt nou net mear om tocht, wêz
nou mar bliid en lokkieh mei üs.
Gjalt.
Dat bin ik ek, myn bern, leau dat mar . . . mar ho is
t, myn Feikje! scoenen jo aldon \'r nou wol yn tastimme
wolle, nou \'t jou sa ryk wirde ? {Dokter Me dit wol oan-
kotnmen sjoen en dêrom ündericiles Jabik en Berber, dy \'t
er ek meinommen Me yn
\'e ivein, al ivjuivd óm op te kommen ;
dizze habbe dêroan foldien.)
Jabik, {giet nou nei Gjaltboer
ta en seit:)
Ja, wol jouwe wy üs tawird, Gjaltboer! Hjir is myn
han der op. {Hy jout Gjalt de hdn.) Lit üs foartoan
frjeunen bliuwe en mei\'noar üs forbliidsje yn it lok fen
üs bern, ek by forskeel fen mieningen. {Feikje is ünder-
iviles hjar mem, sa dré hja dy seach, fol blydskip om \'e
hals fallen.)
Berber, {makket Feikje hjar hunnen
nou sêft los, sjocht om hjar
hinne hirêr dokter stiet en
seit. tsjin Feikje en tsjin de
oaren, ivylst hja mei de finger
op dokter itnjst:)
Sjoch dêr de man, dy \'t üs Feikje wer better makke
het; earst mei drankjes en pillen en letter mei oare mid-
dels, do drankjes en pillen net mear helpe koenen. {Hja
giet nei dokter ta, bucht djip foar hint en seit tige oandien:)
Beste dokter! goede frjeun! . . . it is in mem, dy de jefte
fen hjar tankber herte oan jo foetten leit, foar dat jou hjar
ienichst bern it libben redden ha.
-ocr page 108-
104
Rjuerdom, (wylst er mei syn
sliepmütse swaeit.)
Hoera!! foar de dokter!!
Dokter, {om syn oandwanning
to forberijjen:)
Hoera!! foar lljuerdoni!! (En nou roppe hja allegearre:)
Hoera!! foar Rjuerdom!! lang scil \'r libje . . .
Rjuerdom, {oandien.)
Fij! hwet giet dat wer raer, jimrae scoenen meitsje dat
\'r wetterlanners kamen en dat op sa\'n dei fol blydskip,
dat past nou net, hear . . . lit üs ljeaver mei\'noar in sankje
sjonge, dat is, tinkt my, folie better . . . Ho is \'t dokter!
habbe jou hjir ek noch raear lju binnensmokkele ? Lit se
den allegearre mar hjir komme, ho mear sielen ho mear
fleur. {Nou komme Tetsje, Lys en Sibbel ek op, hja jouwe
Rjuerd en Feikje stilsicijend de hun en binne, foaral Tetsje,
tige oandien en bliid. Dêrnei geane hja allegearre yn in
heale moanne stean, lljuerd en Feikje ijn
\'e midden, dêroan
oan
\'e iene kant Rjuerdom en Gjalt en oan \'e oare kant
Jabik en Berber ; de oaren slüte hjar derby oan beide kanten
oan. Hja sjonge:)
Wize : Hwet is de frije Fries syn groun ?
Hwet liket nou de takomst skoan ;
\'t Is foar de wyn, \'t is sinnesk5\'n ;
Dêr is nin wolkje oan \'e loft;
\'t Is allegearre will\' en nocht;
O ja! o ja, o ja, o ja, (bis)
De takomst liket moai üs ta!
Rjuerd Gjalts en Feikje togearre.
Hwet liket nou de takomst skoan;
Nou binne wy, fen soargen frij ;
\'t Is Rjuerdom, dy üs helpe koe,
-ocr page 109-
105
En dy üs ek graech helpe woe;
O ja ! o ja, o ja, o ja, (bis)
Us tank dêrfoar, komt Rjuerdom ta.
Rjuerdora allinne.
Jinini\' tank, myn berntsjes! docht my goed
Mar hear nei my en leau mar frij:
Dy tank heart my allinne net,
Dêr is ien, dy my holpen het;
De Himmelheit, it is mar sa,
Him komt jimm\' tank it measte ta.
Allegearre mei\'noar.
O ja! o ja, o ja, o ja, [bis)
Him komt üs tank it measte ta.
Kom, libje wy nou mei elkoar,
Poriend fen sin, yn ljeafd\' en min;
Dat bringt de Himmel op \'e wrald,
Foar ryk en earm, foar jong en ald ;
O ja! o ja, o ja, o ja, (bis)
Hwet wolle wy noch better ha !
IT GERDYN FALT.