»
/5quot; 5 £
i mm m imiSii
OF
OMKE JOUKE.
T. TELENGA.
KLUCHTSPIL MEI SANG
YN
ÏEN BOKJUW.
PERSOANEN.
Oebele Skaelun.
de Jong, liintenier.
Tetsje, Syn dochtcr.
JiFFROiiw Swiek, Rintenierslce.
Feïsje, hjar dochter.
Beert Stam, frijer fcn Tetsjc.
Heert Swam, frijer fen Fetsje.
RIJKSUNIVERSITEIT UTRECHT
1410 7910
de mmrn m nergensisen
of
OJVLKB JOUKE.
KLUCHTSPIL MEI SANG YN IEN BÏDKJUW.
It toaniel is in plak yu \'t bosk. Oac beide siden sjucht uiea in bank.
Oebele, (Juj het in reissek yn \'e iene, in yongdstok yn \'e oare hdn, Mom-pen oan \'e foetten, in bril op \'e no as en in hegc hoed op \'e holle.)
Nou mast ris tige dyn best dwaen, Oebele! om to meitsjen, dat Beert tastimming kriget om mei Tet to trouwen en dat Fetsje it wiif fen Heert wirdt al wolle hjar aldeu ek just oarsom. Omke Jouke raat den hjoed mar is for gek spylje, dat hab ik lor dy jonge lju wol .oer. {Uy sjongt)
Wize : Wij leven vrij.
Wiersizzen is myn ambacht net, Dat hab ik uoait net leard ;
4
Mar as \'k dermei biwirkje kin,
Dat Tetsje en Fetsje nou hjar sin En wille krije, is \'t net min,
Né, den is \'t net forkeard. (bis.)
Mar, lit my ris efkes troch de beammen kipje. Ja wol, hjear! dér komrae heit en bern al oan. Kom, Oebele ! dou raar under dy bank. (Hy krüpt under in bank.)
Sa kinne wy moai de stêd forriede.
de Jong en Tetsje. {Hja Jcomme troch de beammen en gean op in bank sitten. Hja binne ienfdldich Maeid.) de Jong.
Dou kinste ueat op \'e jongkeardel tsjin ha. Syn heit en mem binne tige by tige beste lju en Heert scil ek wol in goê Fries wêze, rjucht en sljucht as dy fen Boalsert, en moppen het er ek by de rus.
Tetsje.
Dat kin wol wier wêze, heit! mar ik bin noch fiers to jong om to trouwen en wol noch graech hwet by heit yn \'e hüs bij uwe.
de Jong.
Nou ja, ju! dat is best, der hab ik dy Ijeaver om; mar heit wol nou graech, datst dou Heert ta man nimste; ik ha dy oan syn alden ta sein for hjar soan as wiif en bilofte mak-ket skild.
Tetsje
Mar as ik dy feint nou net is lije mei, heit! ho komt it den ? de Jong
Dêr bin ik net bang for, dat scil wol gean.
Tetsje, (/en siden.)
Dat scil \'t net. Ik hald it mei Beert de Jong.
Seist hwet?
5
Tets je.
Ja, heit! Hwennear komt dy Heert fen Heechterp hjir ? de Jong.
Mei in lyts ketierke kin hy hjir wêze.
Tetsje.
Kin heit him wol P
de Jong.
Né, ik kin him net, mar dat hoeft ek net; syn alden kin ik sa folie to better en de apel fait trochstrings net fier fen \'e stamme Kom, ik scil dy dat noch in lyts eintsje ut bringe en him hjir den ofwachtsje.
Tetsje
Goed, heit! ik wol der Ijeafst net by wèze. {//ƒ« gean.) Jiffrouw Swiee en Fetsje, {Hja Jcomme troch de beammen mei yn parasol yn \'e han. Hja hinne danich yn \'e pronk.) Jiffrouw Swieu.
Min Ijeave bern ! dou kinst noait better man fine. Syn alden binne ryk «n Beert is hjar ienigste soan.
Fetsje.
Nou, mem ! jild makket allinne net lokkich; de Ijealde mat er nedich by.
Jiffrouw Swier Dy komt fen seis, as er mar splint is.
Fetsje.
Tinkt jou dat, mem? {fen siden.) Ik net, ik wol myn sinnen ek net fen Heert ofsette.
Jiffrouw Swier.
Ja, Ijea! dou kinst er dy mar fest nei sette, Beert mat dyn man wirde. Dat ha \'k syn heit en mem ünthjitten.
Fetsje.
Het mem him wol ris sjoen?
Jiffrouw Swier.
Né, Fetsje! ik kin him net, al foei ik oer him hinne, mar
fl
hy mat to Pleartevp bikiud stean as in leiatsje i\'it tügen. Dou mast raar tinke, sok aki. sok jong.
Fetsje-
Ei, ei, mem ! as dat mar wier is.
JlFPROUW SWIBR-
Dou scitt it sjen en underfine. Mar ik gean noch in lyts eintsje mei dy dat üt en den kom ik hjir wer ora him of to wachtsjen. Hy scoe hjir om dizze tiid sa wat wè/e.
Fetsje.
Kom dan mar, mem! Ik wol nou ek mar Ijeaver nel hus ta. {Hja gean.)
Heert. (4s in boeresoan idcmd.)
Nimmen noch hjir ? Scoe de aide de brief net goed lezen hawwe? Mar né, der is er fiers to akkeraat ta. seituesmem en dy wit it wol. Jt is mei dat al in heislik krüs in wiif to trouwen op \'t kommande fen yens alden, om \'t hja as goede frjeunen fen de Jong ray al for syn dochter en dizze foar my bistimd hawwe, do \'t wy noch yn \'e widze laeyen. In moaye wrald as \'t sa mat. Ik leau, dat hja ïetsje biet\' mar ik ha hja noait sjoen en ik wol ek net mei hjar trouwe. Fetsje fen jiffrouw Swier is myn alles hjir op ierde, hja wirdt myn wiif en oars gjin ien. Ik scil it hoopje ek sa wol meitsje, dat de aide my de bons jowt. {Hy sjongt.)
Wize: Ginds onder groene linden.
Scoe \'k mei in famke trouwe,
Dat ik net lije mei?
Dat scoe my siker rouwe,
Né, Ijeaver gean \'k foarby.
Ik trouw noait as mei Fetsje,
Dat gnap en ynljeaf bern ;
Ja, ja, de Jong syn Tetsje,
Hja kin der mar op sjen.
7
Mar stil, der komt de Jong fest al oan. Ik krüp hjir efkes efter dy tsjuke beam. Ik mat ris hjearre, Invet hy to sizzen het. [Hy giet)
Beert. (As in hoeresoan hlaeid ) Jiffrouw Swier nog niet hier ? Wol, stom, ik kin hast ek al Hollansk prate. Ik ha hjeard, dat myn oansteaude skoanmoêr dêr in hele bulte mei op het. Mar hja scil \'t fen my net hjearre. Ik wop, dat hjar wit wêr earne wierenhjar dochter fetsje noch hündert tusen uren fierder, \'t Is hwet moayes, trouwe mei in faem, dy \'k noait sjoen ha en dy al foar my histimd is foar ik de broek oan hie Mar ik for-pof it; ik wol mei de Jong syn dochter Tet, dat Ijeave famke, boaskje en oars mei gjin ien, sa wier as Wopke libbet en ik Beert Stam biet. (Hy sjongt.)
WrzK; Grinds ouder groene linden.
Scoe \'k mei in famke trouwe,
Dat ik net lije mei ?
Dat scoe my siker rouwe,
Né, Ijeaver gean \'k foarby.
Ik trouw noait as mei Tetsje,
Dat Ijeaf, ienfaldich bern,
Ja, jiffrouw Swier hjar Fetsje,
Hja kin der mar op sjen. •
Wol, iken, boeken, birkenbeam, as men oer de divel praet, den is er faken tichte by ; dèr komt\' de dame al oan mei hjar Ijeave dochter. Mar sjuch ik goed, dat is, hearink Beert! dat is .... Jonge, jonge, hwet giet it nou mal. Der het hja jandosie min Ijeave Tet by hjar. Dêr bigryp ik gjin sikkepitsje fen, dat giet myn horrizon fier to boppe. Hwet liket dat noch in jonge mem! Mar ik kin \'t gouw wiis wirde, ho dy foarke yn \'e stalle sit- Dêr stiet in grouwe beam, dêr
8
verskül ik my etter. Hja matte hjir dochs foarby komme. Meiskien gean hja hjir wol ef kes op dizze bank sitten. {Hy giet.)
Tetsje en Fetsje. {Hja komme troch de beammen.)
Tetsje.
Ei, ei, bist dou sa lang in Heechterp ütfenhüs west? Hest ek in frijer han ?
Fetsje.
Nou, dat siz ik dy, in boppest beste. En ik fortel dy in fortrouwen, ik wit, datst wol swije kinste ....
Tetsje
0; as in poat.
Fetsje.
Wy scille Maye trouwe, dat het hy my en ik him ünthjitten.
Tetsje.
Min Ijeave gjnst, ho kin \'t sa bryk. Myn frijer het my it selde ünthjitten.
Fetsje
Biste sleau ? Hest dou den ek in frijer ?
Tetsje.
Ja, ja, famke ! hest dou de rjuchte Jozeph in Heechterp found, ik ha myn hertelap in Flearterp opdien. Ik ha dêr fjoawer wike by moaike Tet ütfenhüs west en al ridlik gouw hie hy my en ik him yn \'t each. Hy frege my en ik naem hira oan, en alle jounen kaem ik him yn \'t lest to sjen en tosprekken.
Fetsje.
Wit dyn heit it al, Tet ?
Tetsje.
Né, heit het in oaren foar my bitocht, \'t mat in flinke boeresoan wêze, raar dy wol ik nou dochs net ha.
Beeut. (Efter de beammen )
Moai sa!
Tetsje.
Hwet wier dat ?
9
Fetsje
Ik ha neat hjeard.
Tetsje.
Ik al Scoenen Iijir ek lüsterfinken wêze ?
Fetsje.
Ei, né j u! Dér tleach meiskien in fügel troch de beammen. Tetsje.
Nou, siz, wit dyn mem it al len dy, Fet?
Fetsje.
Ek noch net, mar mem het siker tocht, dat de feinten my net fine koenen, lija het al in oaren foar my yn \'e kikert, mar hja kin er op oan, dy wol ik ek net ha, ik lit my oan gjin strie bine, sa lang er noch touw is.
Heert. (Efter de beammen.)
Moai sa!
Fetsje.
Né, mar, nou mieude ik ek hwet to hjearren.
Tetsje.
Myn heit komt er fest oan.
Fetsje.
Of myn mem.
Tetsje.
Gouw den Fet! Ho hjit dyn frijer ?
Fetsje.
Ja, dat wol ik dy wol sizze, mar hwet namme hét dyn frijer ?
Tetsje.
Tagelyk sizze !
Fetsje
öoed, IM op !
Tetsje en Fetsje (Tagelyk.)
Beert! Heert!
Beekt. {Ily springt op it toanicl)
Hjir is Beert
10
Heert. {Hu springt op it toaniel.)
pjii hjir is Heert.
Tetsje. (Hja joict Beert de hun.)
Myn Ijeave Beert!
Petsje. {Hja jowt Heert de hem.)
Myn Ijeave Heert!
Beert {Hu jrnvt Heert de hun.) Ho giet it mei dy, neef Heert?
Heert.
Best, lio giet it mei dy ?
Beert
Sa soun as in fisk Mar hwa hie nou tinke kinnen, datst dou der ek sa nuf er wacht as in tongerkeil üt de loft falie scoeste.
Heert
Ja, man! de wonders binne yet net fen \'e Himmel öf. Beert.
Dat liket my sa ta. Don hast my test ek biharke ? Heert.
Dat koe wol net oars. Mar it is mei my likernoch itselde gefal as mei dy. Dochs binn\' wy noch netyn deheinstekeap. Hwet sizze jimme, froulju r
Fetsje.
Non \'t jou hjir binne, Heert! krij ik wer nije moed. Tetsje.
Ik bin er ek tige bly om, dat Beert hjir is.
Heert en Beert. [Hja sjonge togearre.)
Wize : Dou, dou biste myn Anke.
Heert.
Dou, dou biste myn Fetsje,
Dou. dou biste myn bern,
11
Don. dou bljuwste myn hertsje,
Mei \'k dy as wiif ringen sjen.
Ja, enz.
Beert.
Dou, dou biste myn Tetsje,
Dou, dou biste myn bern,
Dou. dou bljuwste myn hertsje,
Mei \'k dy as wiif ringen sjen Ja, enz.
Fetsje en Tetsje. {Uja sjonge togearre)
Fetsje
Dou, dou biste myn frijer.
Don, dou biste myn Heert,
Dou, dou biste my neyer,
Bljuwste my Ijeaver as Beert.
Ja, enz.
Tetsje.
Dou, dou, biste myn frijer,
Dou, dou biste myn Beert,
Dou, dou biste my neyer,
Bljuwste ray Ijeaver as Heert .Ta, enz.
Allegearre {hdn oan hdn.)
Moed, moed wolle wy balde,
Moed, moed, inakket it goed.
12
Moed, moed scil ues bihalde,
Bringfc ues üt soarg en üt noed.
Jtij ja, ja, ja,
Bringt ues ut soarg en üt need.
{Wylst de feinten dc jammen de hunnen om de hals slagge, springt Oebele op it toaniel)
Oebele.
Mei jimme wolnimmen, hjir bin ik ek al. It wirdt my dêr to binauwd under dy bank en ik wier er ek bang foar, dat it bjir mei jimme op in frijen ütdraeye scoe en dit kin \'k net best oansjen, hwent „aanzien doet gedenken,quot; sa as de dief sei, do hy syn maet oan de galge hiugjen seach.
Beert.
Hwet doelist dou hjir, divelske Skarlün ?
Oebele.
Dat ha je redt, boer! Oebele Skarlün! om u te dieaen, wiersizzer en divelbander.
Heert.
Stekst ues de gek oan, smoarge poep ?
Oebele.
Dat ha jou net, redt, minhear! Myn mem wier wol üt it poepelan, mar ik bin in Fries. Myn heit is \'t dalik troch \'t sin gien, dat ik nei langer of koarter tiid in bern fen him wirde scoe, dy hab ik dos tafallich net kinnen leard.
Tetsje.
Dou bist net op dyn müle lallen
Oebele.
Né, hertlapke! wo jou dat noch is better hjearre. {Hy sjongt ) Wize : It Seeveningsce famke.
Dêr wier ris in famke nei Flearterp ta tein, Dêr foun hja in frijer foart oan de earste Snein,
1.3
Dy frege hjar frij:
«Kom, wost dou mei my?quot;
En \'t famke sei dalik: „Ja, \'k wol wol mei dy!quot;
Fetsje.
Dou doarst it wol sizze of Ijeaver sjonge.
Oebele.
Ja, beste, ik scil noch wol ris. (Hy sjongt.)
Selde wise.
Dér wier ris in famke nei Heecliterp ta gien,
Dêr foun hja in frijer, noait seach hja sa\'n ien; Dy frege hjar frij;
„Mei \'k bljuwe by dy?\'\'
„Ja, wis wol!quot; sei \'t famke, „bljuw dou mar by my.quot;
Beert.
Nou is \'t moay«r noch.
Heert-
Dat siz ik ek.
OebI\'LE.
Tryekear is skippers-rjucht (Hy sjongt)
Selde wise,.
Mar, feintsjes! it waerglês stiet danich forkeard. Dat hab ik niis fen dy twa famkes wol hjeard;
Mar \'k bin net sa min,
Sa folie as ik kin,
Meitsje ik it hjir hjoed jimme wis wol nei \'t sin.
^ Beert.
Dou ues helpe, dou it ues nei \'t sin meitsje V Hwermei?
li
Meukt.
Mei syn wiersizzerij fest ?
Tetsje.
Dat sci] wol moai wêze.
Fetsje
Jawol, tige by tige moai-
Oebele.
Jimme hawwe \'t sein.
Allen.
Hawar dan, sprek op!
Oebele. {Deftich.)
De geast fen Ella Stella Bmmapoetra, de greate pre feet fen de Bibelehonsce berg, is feardich oer my en jowt my yn om to sizzen ;
De jongkeardel, hwaens nam me is Beert Stam, scil Maye boaskje mei \'t famke oan syn rjuchter side en dy oare jong-feint, dy \'t him Heert Swam skrjuwt, krijt ta syn wiif de faem oan syn lofter side.
Sa scil \'t wêze seit de geast fen Ella Stella Bramapoetra, de greate prefeet fen de Bibelebonsce berg. {lenfalclich)
Mar alle gekheit op in stokje, ik wit er alles fen. De Jong wol ha, dat Tetsje mei Heert boasket en jiliVouw Swier het hjar yn \'e holle set, dat Fetsje mei Beert trouwe mat. Dat is toar jierren al sa feststeld en ues skoalle-master scoe sizze: Dat \'s nou in idele-fiks (1) geworden.
Mar as ik Tetsje heit goed sketten ha, den is dat in rjuchte en sljuchte Fries, dy neat fen ütwridskens haldt en soks ek net yn syn skoansoan dildsje scoe. Alle minscen binne nou wol brurren en sisters, mar dêrom noch net gelyk en Fetsje mem is krekt oars om as de Jong en het in ougrisliken bult mei fizen en fazen en Fransce wynayen op, sadat hja in lom-peue boer foar hjar eagen net sjen mei en noait ta hjar skoan-soan nimme scil.
1
idée-fixe.
15
Dêrom mat Heert him oaustelle as in greate kwast eu Beert him foardwaen as in echte süle den komt it grif sa\'t ik jimme niis foarspeld ha.
Allen.
Moai bitocht! Moai bitocht!
Oebele. [Hy iepent de reisselc.)
Ik ha hjir yet hvvet by my; dat scil jimme feu pas komme. {Hy forJclaeit lij ar.) Heert wirdt nou de keale jonker ut \'e Haske en Beert de sleaue soksis üt it lau, dêr gjiu lan etter is. {Under it forUaeyen sjonge Ietsje en Fetsje mei enoar.)
Wize: G-inds onder groene linden, of Loreley, of Kijk maar schuin in mijn bloementuin.
Dat scil in grapke wèze, In grapke fen komsa; Men mat de boel biiêze,
Wol men \'t yn oarder ha. Syn alden to bidragen.
Dat stiet wol net sa gnap, Mar in yens jonge dagen, Den haldt men fen in grap.
Oan strie litt\' w\' nes net bine,
Sa lang noch touw er is; Wy matte er hwet pp fine,
Oars gjit it siker mis. Hwennear de froulju trouwe Mei manlju tsjin hja sin, Den scil \'t hjar danich rouwe. Eu gjit it tige min.
16
Heerï.
Nou likest wol in lummel,
Beert.
En dou in greate kwast.
Heert.
In sleaue boerepummel,
Beert.
In rjuchte swankebast,
Allen.
Dat dogge nou de klean, ja,
Dy meitsje al wer de man,
Komoan, nou scill\' we in grap ha,
Wy witte er alles fen.
Heert.
Dêr komt siker de Jong al oan. Foart, jimme! As ik yn \'e bannen klap, den matte jimme bjir wer komme. (Hja gean.)
de Jong.
Goên dei! bin jou Heert Swam?
Heert.
Om u te diene, mesjeu! Hoe gaat het er mee? {Hy skoddet him de hun mal hin en wer.) Jou sjogge er petint ut: fest in goede raage?
de Jong.
Jou dogge my sear.
Heert.
O, aide heer 1 ik bin yn \'e wolkens.
de Jong.
Ik net. Bin jou Heert Swam fen Heechterp wol?
Heert.
Sa \'t er zeilt en treilt bygelyks de Hollanders sizze. de Jong.
Nou, jou hawwe mear fen in Hollander as fen in goê Fries!
17
Heerï.
Ja, ik siz altiid: Hollan boppe! (//;/ set sipi helt;jc hoed tige skeef\' en sjongt.)
Hij zet zju iioed op zij,
Hij zegt: ga je mee met mij?
Ga je mee roet mij, Gra je mee met mij V Neen! zeide hij.
ue Jong.
Dér scoe ik ek hertlik foar bitankje. Ik hald it mei Fryslan en de Friezen.
Heert.
Ja, dat seit nes beppe ek, mar dat is my to aldervvetsk. Wy matte wereldborgers wirde.
de Jong.
Jou binne fest in sociaal-demokraat ?
Heeuï.
Ja, beste frjeun! as jou dat sa ha wolle, mei alle Ijeafde\' ik kin mei alle wynen waye, dat scille jou en jou dochter al ridlik gouw underline. Zoo de wind waait, waait mijn rokje. {Hg skermt mei syn rotting yn \'e loft.)
de Jong.
Wêz foarsichtig mei dyn stokje
(Heert slacht him op \'e hoed.)
Scammest dy net ? Bljuw mei dat smoarge ding ten my 61!
Heert. .
Smoarge ding ? Smoarge ding ? Wol, nou noch moayer : It is in kroan wirdich.
de Jong.
Eu dou bist ueat wirdich en myn dochter kinst yn der iwich-heid net krije. {Ihj giet.)
2
18
Heert.
Haast je maar niet! der komt noch in tram, (jnear nei foaren) Dat \'s malder noch gean, mar \'t is net oars. (Hy Iclapt yn \'e kannen )
De oaren. [Hja sjonge.)
Wize : o, Groote koopman in tabak.
Ei, Heert! dat heste moai folbrocht,
Hwet Oeb\'le liep foar ues bitocht,
Dou bist in ferme jonge ; (bis )
Nou kinst wer nocht en wille ha.
Min Ijeave ginst, ho diest it sa?
Wy scill\' dyn lof bisjonge. [bis.)
Beert.
De diveker! foart jimme, der komt in jiffrouw, siker Fetsje mem oan. As ik iter mar sa goed of bring as Heert. Sa gouw as ik yn \'e hannen klap, matte jimme wer komme. [Hja gean.)
Jiffrouw Swiek.
Dag, mynhearbin jou by gelal Beert Stam ek ?
Beert. [Hy het de hannen yn \'e büsen en hdldt de pet yn \'e ear en.)
Ja, ik bin Beert Stam. Ha jou kinde oan my.
Jiffrouw Swier.
Ja, sjuch je, ik bin jiffrouw Swier, en jou bin hjir ommers komd om my to sprekken oer min dochter Fetsje ?
Beert.
O, jawol, just, ei kom! binne jou dat wiif mei safolle modder oan de kloet? Nou, jou kinne wol mei dwaen,Jijear; mar ha jou jou dochter, ho hjit hja ek wer?
Jiffrouw Swier. (ungcdildich)
Fetsje.
19
Beert-
O, jawol, just, \'t is ek sa: raar ha jou jou dochter net rneinomd en kin hja goed skrobje en skurje, hwent jou matte witte, as my a wiif my dat net nei \'t sin docht, alhowel ik neat net sinnich bin, den krijt hja just net san noflik lihben by my.
JlFFROUW SwiER
Mar, mynhear Stam!
Beert.
Ik bin gjin mynhear, ik hjit Beert-
Jiffrouw Swier.
Nou den. sljucht wei Beert!
Beert.
Just, jawol, nou kin \'k jou torstean, hwet woenen jou nou sizze ?
Jiffrouw Swieu.
Ei. neat!
Beert.
Neat is in bytsje. Mar hwet ding ha jou der? It reint ommers net, wiif ? (//;/ üntnimt hjar de pariasol.) As jou dochter ek sa\'n ding het, den kin hja dat ding wol yn \'t fjür trüwe.
Jiffrouw Swier {fensiden.)
Hwet in ünbihouwen keal! (Likl.) Brek myn nye brunsiden pariasol net.
Beert.
Just, jawol, ei kom, den kinne sokke dingen ek al brekke? Nou dizze is noch al sterk. (Hy docht de pariasol iepen en ta en het it üngeloh hjar te breJcJcen.)
Jiffrouw Swier.
Dêr sjucht men nou wer oan : „Skünmaker hald jou by jou least !quot;
Beert.
Just, jawol! En dêrom freegje ik jou, kin jou dochter goed bodsje en mei hja wol earte, beane en spek fen siike baergen
of flèsk fen keallen, dy \'t oan de biltsjucht stoarn binne ?
amp;
20
JlPPROUW SWIER.
Jou ha fest de gek er mei, mar is er by jimme ek in pianine yn \'e hüs ?
Beert
Dat kin jou bigrype, in pejaline ! né, jiffrouw Swier ! dat kirde brüne net lüke Wy kinne oars wol dounsje, sjuch mar. [Hij dounset allinne it toaniel op en near mei malle sprongen, en ivol hjar mei oan \'t clomisjen ha.)
Jiffrouw Swier
Kom net oan mv. sleaue baerch ! Ik mat neatfen dy liawwe, ik mei dy foar myn eagen net sjen. {Hy dounset troch en sjongt.)
Beert.
Als vischwijf kan zij kijven.
Jiffrouw Swier.
Dou kinst dyn sinnen mar fen myn dochter ofsette, lijear ! Hja wol sa\'n mispunt lang net hawwe [Hja giet.)
Beert.
Ik kin \'t net helpe. {mear nei foarren.) Jonge, Beert! scoe \'t geneesmiddel net hwet al to kras wêze? {IIn klapt yn \'e lu\'mnen) Nou it is int oars.
De oaren.
Dat is ek goed gien. (Hja sjonge.)
Selde tvke.
Ei, Beert! dou mast in plumke ha.
Dat komt sa\'n flinke jonge ta,
Dat wiifke hest genezen, (bis)
En dêrom hawwe wy gjin noed,
\'t Gjit alles hjir mar tige goed,
Wy hawwe neat to vreezen {bis.)
Oebele.
Nou Beert en Tet op dizze en Heert en Fet op de oare bank, den scil ik allinne nog in sangkje. (Hja gean sitten.)
21
lly sjongt op \'e selcle ivise.
Nou kinn\' jimme üebele Skarlün,
Hy liedt de minscen om \'e tün,
Mei al syn ftze fazen, [bis.)
Mar dêr is hy neat minder om,
Hweut och, de minscen binn\' sa dom,
Seis folie greate bazen, [bis.)
Tetsjk.
Dêr komt heit wer oan.
Fetsje.
Mei ues mem.
Oebele.
Gean jimme nou noch efkes efter de beammen. As ik lluitsje, matte jimme earm yn earm wer komme.
Allun-Dwaen, hjear ! [Hja gean.)
Oeisele- [Hij sjongt.)
Wize : Kolijn een brave hocrezoon
Ik bin net, hwet ik sa wol lyk,
Dat scil men nou fen my wol hjearre;
Mar die \'k it ek al miwer bryk.
Dat scil ik goedernoch forklearje.
Hwent \'t gjit yn \'t libben ek sa wol,
Om hjir sa ta syn doel to reitsjen.
Docht mannichien al is hy dol En bringt er folie lju oan \'t laeitsjen. [his.)
Jipebouw Swier. [Hja komt Mei de Jong op.)
Hwa scoe om jou ek net laeitsje?
22
de Jong.
Hwa biste1?
Oehele.
De wiersizzer len Nergenshüsen.
j iff rouw swier.
Den matte jou de merken opsykje, hjir fait dochs neat foar sokke lju to fortsjinjen.
Oebele.
Och, jiffrouw! dat wit ik net. Jou pake sei altiid: „Yu troebel wetter is \'t goed fiskjen, oars net?
Jiffrouw Swier.
Ginst noch ta, ho wit er dat ?
de Jong.
Ha jou wol ris fen Akke ten \'t Vliet hjeard ? Dat mat yn hjar tiid in boppest beste wést hawwe.
Oebele.
Ja, minhear de Jong! dat mat wol in great Ijocht op \'e kandelear wést hawwe, mar lju dy \'t rjucht en sljucht wier-nen lyk as jou heit, hienen er yu \'t iepenbier de gek mei.
de Joxg, ( fensiden.)
In frjemde wiersizzer.
Jiffrouw Swier. [Hja komt de Jong ticht op \'e side.)
Scoe \'t ek wat al to mal wêze as we him is forsochteu ues in lyts prjeauke feu syn gnappens yn \'t wiersizzen to jaen?
de Jong.
Ei, nê, jiffrouw Swier! Der kin gjin kwea fen komme en de beammen om ues hinne kinne \'t net hjearre en scille dos wol swije.
Oebele, (dcftich.)
Neat den goed kin hjir fen komme, mar de beammen hawwe earen en hwet goed is bljuwt goed en scil nen minsce keare. Mei ik de eare hawwe, minhear de Jong en jiffrouw Swier ! om jimme hjir ris wier to sizzen ?
23
de Jong.
Om my kin \'t barre. Malle gouw bin \'k net forbüke.
Jipfkouw Swiek.
Ik bin der ek net op tsjin, as \'t mar net buten de pjeallen fen de wolfüchlichheit giet.
Oebele.
Hawar den 1 {Uy hliest op in fluitsje.)
de Jong.
Hwet mat dat bitsjutte.
JlFFROUW SwiEU.
As \'t mar net to mal giet.
Oebele.
De geast fen Ella Stella Bramapoetra, de greate pvefeet fen de Bibelebonsce berg is feardig oer my en jowt my yn om to sizzen : Dér binne fjouwer jongelju, dij freegje heit en mem om nei hjar sin
{Beert en Tctsjc en lieert en F etsje falie op \'e knibhels foar de Jong en jiffrouiv Swier.)
De jongelju.
To trouwen.
Oebele.
{Hy spriedt si/n hunnen seinjend oer hjar ut)
Dit amerij is plechtig!
de Jong.
Wol deales, Tet! Beert mei dy ?
Jiffrouw Swier.
Min hearink, Fetsje ! Heert mei dy ?
Oebele. illy rjueht hjar iver op.) Sa is t in e Himmel besletten en hjir op de ierde scil der rju bliidscip en folie jierren freuchde oer wêze.
de Jong.
Mar, Heert! dou likest nou folie fetsoenliker as niis.
JlFFliOUW SwiEE.
En Beert is nou ek wol in oannimmelik persoan, dat mat ik mar sizze.
24 Okbele.
Forjaen it dizze frijers, hwent Ijeafde siket list en jou de skild mar oau .... {Hij smyt jas, hoed, bril en bird wei en is nou gewoan klaeid.)
Allegearre.
Omke Jouke.
Oebele of Omke Jouke.
Ja, omke Jouke, dy it net oer syn hert bringe koe, dat fjonwer jonge fleuriche minscen üugelokkich wirde scoeuen
de Jong.
Dou aide bisfeint!
Jifprouw Swier.
Wol in rjuchte skarlün!
de Jong.
Nou, Beert! dou seist myn dochter den mar ha. Gelok er mei. (//;/ jowt him de hun)
Beeut.
Ik bin jo fen herte tankber, de Jong!
Jiffkouw Swier.
En Heert! ik jaen jou min dochter. Ek gelok er mei. {Hja jowt him de hun.)
Heert.
Nou bin ik foar goed yn \'e wolkens.
De oare Jongelju.
Wy ek, wy ek.
Oebele ol Omke Jouke.
En as ik nou yet ris wiersizze mei, den krije wy net twa, mar wol trije brillofteu.
Ja, de geast fen Ella Stella Bramapoetra, de greate prefeet fen de Bibelebonsce berg wirdt yet ris feardich oer my en jowt my yn om to sizzen:
Dizze twa nommele alden wirde ek in pear. (Hy wiist op de Jong en Jiffrouw Swier.)
de Jong.
Mat dat raar wêze, jillrouw Swier?
25
De Jongelju.
Ja, ja, ja, dat mat altiid wêze.
Jipprouw Swier. (oandien.)
Jongelju ! Ik tank jirame foar jimme byfal en hoopje in goed wiif foai\' de Jong to wirden en noch jierren lang in beste mem foar jimme to bljuwen.
Heerï.
Lit ues den noch mar ris sjonge.
Allegearre S L O T S A N G.
Wize : Be Oude tante.
1.
Kom, frjeunen! jong en aid.
Elts, dy fen sjongen haldt,
Nou \'t trouwen wéze scil.
Hald jimme nou net stil-Kom, sjong nou allen mei,
Wy binne nüver bly,
Hwent Beert en Tet en Heert en Fet,
Dy krije pret.
Hwent hja scille Maye trouwe,
Mei \'t hjar net rouwe.
Mei \'t hjar net rouwe,
Né, frjeunen! mei it hjar net rouwe,
Mannich jier, Mannich jier.
Is \'t den plezier.
En nou dy beide aldjes dy trouwe ek noch is, ja,
Dat scil in brilloft wirde, in brilloft fen komsa.
Dat ha we nou to tankjen oan omke Jouke, hy, Hy brocht it hjoed sa fier troch syn wievsizzery
26
Dérom jaen wy mei elkoar Orake Jouke tank der foav.
Tralala, Tralala!
2.
Kom, frjeunen, enz O, feinteu en o fammen op dizze wiide wrald, Och siikje yn de Ijeafde jimm\' lok en jimm\' bihald. Dat mast oeral sa wêze, de Ijeafde hjeart er by,
Hwent dêrom binne wy nou ek sa bly, sa bly.
Dérom klinkt it yn ues sang:
Omke Jouke ! libje lang !
Tralala, Tralala !
3
Kom, fjreunen, enz.
Kaem alles sa yn oarder as hjoed op dizze dei, Den wier \'t mei folie minscen wol better, leau dat frij, As jimme den ues kluchtspil foldien het mei elkoar, Den freegje wy biscieden jimme tank dêr foar.
Letter wollquot; wy den, hawer!
Graech for jimme yet ris wér.
Tralala, Tralala!