//? O. L;'
JZ\
\ [â¢: A
: ^
/, A
GRIENMANK.
li
⢠^
f -1*4
|
Twa is in pear,
Oarspronklik kluchtspil mei aang yn ienbidriuw FEN
T. VELSTRA.
Persoanen;
Freark, kastelein.
Romkje, sijn dochter.
Matsen, sijn faem.
Wopke, syn feint.
Geiske, rike boerinne, widdou.
Goffe, hjar soon.
Hans, studint.
Frans, syn spi/1 feint.
It stik spilet op in snein to joun yn de horberch fen Freark.
Oan de rjachter kant fen it toaniel is in trep, dy 't nei hoppen giet, oan de efter kant in dour, dy 't nei büten en aan dc lofter kant in dour, dy 't neide tvenkeamer giet. Fjirder in Ink yn 'e flier om nei de kelder to gean; tapkast, tafels, stoéllen en al sa four thin lie. Alles sjocht er tige eptich en kreas üt,
4
Wopke (stiet eflev in stoel mei de heide earmen oer de bekling.)
Hwat dat hjir joun ris wirde scil! Alles moast yn de kreaze, sei de baes, en dat is it nou ek {sjocht om him hinne.) Lykwols bin ik seis mar neat net fleurich ....
En ho komt dat sa ?
Ja, lit it my mar ris lüd op sizze, 't forrommet licht myn herte. â Dat komt omdet ik sa'n sin oan Romkje ha (komt middan 011 ittomiid.) Romkjo, de dochter fen Preark hospes, in famke om to stellen, dy 't sa folie frijers krije kin as hja habbe wol, en dy 't ek altiid allike frjeonlik en biskieden tsjin-oer my is, mar dy 't ik dochs mar net freegje doar.
Tüzen kear hab ik it wol driigd, mar allike faek is it ek wer oer gien.
O, as hja sa ris by my to praten stiet, krekt as lês ik den sims yn hjar moaie, Ijeave, blauwe each-jes: to, freegje my mar, knj my mar ris beet, ik wol wol; mar, seit den myn waerm bounsjend herte : né, Wopke, né, hja is for dy net yn de widze lein, GrofFe moat hjar habbe, en ik hald my sa droech as koark, en bear mar det ik neat hear en sjoch, en fiel, mar o heden minsken, hwat bin ik hjir den raer en niiver efter myn festje.
Siker 't is om bang fen yen seis to wirden as dor
sa hwat is, dat men o sa graech wol, mar dat men dochs mar net bigjinne doar, harkje mar ris :
(Hy sjongt.)
lt; It is in lest, dat hald ik fol.
As men net doar hwat men wol wol, I En wit ho faek yen sels forwyt:
't Is kleare bangens, oars gjin byt; Kom, pak mar ta, den komst op set; â Mar as 't net wol, den wol 't mar net.
In feintsje dat wol eagen smyt Op Griet ef Tryn, op Frouk ef ïyt;
Mar jimmer bleu fen fjirren stiet,
As 't op in twa by twaën giet,
Biklaget elk wis ier ef let; â
Mar as 't net wol, den wol 't mar net.
In famke, dat wol Ijeafde fielt,
Dy Ijeafde graech mei oaren dielt;
Mar süver nea gjin fnjer krijt,
Ho 't hja hjar lagen er nei leit, * Kwynt eindliks üt, troch minnesmart; â
Mar as 't net wol, den wol 't mar net.
Op 't greate wide wralds toaniel Hat elk syn rol, en krijt syn diel;
En hwa syn rol net spylje kin, â
I
Joost Vondel komt my hjir yn 'tsin, â
Dy 's üngelokkich ier en let; â
Né, as 't net wol, den wol 't mar net.
Hwat in geskriuw, hwat in gepraet Oer mennich Keamer-kandidaet,
Yn Meetings en Brochures, wis,
Teant elk graech oan ho knap hy is,
Doch hwat for flaeg me' op 't skip ek aet, Och, as 't net wol, den wol 'tmar net,
Preark. (komt op, in lange piifj oan.)
Grif rein op bannen.
wopke.
Rein op hannen, ho dat sa hospes ?
Preark.
Omdet de Jonker syn pauwen güle, ef de Boar-gemaster syn ezel, dêr wol ik of wêze.
Wopke.
En bitsjut dat rein ?
Preark.
Ja wisse.
Wopke.
En kinne wy dy bisten hjir alhiel hearre ? Preark.
Pen de wjêrklank ef de weromstuit; sa aste mar wolste.
7
wopke.
Dit is bryk â Mar, hat de hospes my al to mets ek sjongen heard?
Preark.
Nou yet moaijer, mar, as dat den dyn sjongen west hat, den is it spookgulen fen us burman syn mophoun better as dat geëarremoed fen dy.
4 Wopke (to siden yn him sels.)
Geëarremoed, jawol, den is myn sjongen dos ek al fen de wize. {lader tsjin Freark.) Hark ris , hospes, mei ik my wol ris tsjin oer jo ütprate?
Preark.
Jawis wol, gean dyn gong.
Wopke.
Ik moast hjir joun alles eptich en skiën habbe, is der sein.
Preark.
Ja, dat is er sein.
Wopke.
En nou komme Geiske en GofFe hjir aenstonds, hab ik heard.
Preark.
j Dat is it plan.
Wopke.
j En sa 't ik wol taeste en fiele kin, den wis mei it
doel om twa houlikken klear to meitsen.
Preark.
As t wol bislacht, den scoe dat er fen komme kinne.
8
wopke.
Mar witte jy wol hospes, det ik myn sin ek op Romkje set hab ?
Freark.
Dou ?
wopke.
Ja, ikke!
Freark fskodhoUet.J
Né, neat er fen, hjer. ... i
Wopke (mei in sucht.)
Ocli myn Ijeave man, alle nachten dream ik oer hjar, en den forskynt hja my asiningel, alhiel yn 't wyt, en den fleane wy to gearre heech, o sa heech yn 'e loft, en hwat binne wy den lokkich en den prate wy sa swiet, en witte fen gjin fortriet, en us eagen wirde wiet, en wy sjonge it f'olgjende liet :
Freark.
Hald dat liet mar for dy sels; mar wit Romkje wol detste nachts sa oer hjar dreamste?
Wopke.
Neat der fen, ef it moast weze det hja ek oer my dreamt, en det yn hjar dream, myn dream foar-kaem, mar tsjin hjar praten oer dy dingen, né hospes , dat mocht net, miende ik, omdet wy under t en en 't selde dak wenje , ite , drinke en sliepe.
Freark.
Dat is gnap fen dy en flink sein.
Mar wiste wol det it mei Romkje en Groffe oan habben en krijen ta is ?
9
wopke.
Ja, dat wyt ik en dêrom oppenjearje ik my, hwent siker hospes 't scoe skoof en skande wêze, det dy twa in pear waerden {rêd en rap.)
Romkje 't giet alles fen seis,
Groffe, is houten en lomp;
Romkje, sa skerp as in els,
Groffe, as in hotte sa stomp ;
Romkje, oan 't wirk moarntiids ier,
Goffe, nog djip yn 'eslom;
Romkje, foarkommend en blier,
Goffe, onnoozel en dom;
Romkje, in ingel allyk,
Goffe, in slak yn it slyk,
Romkje.......
Freark.
Hald mar op, it kin sa wol en ik moat dy mei-stimme, det Goffe net ien is fen 't boppeste boerdtsje, ik scoe hwat dat oangiet, dy Ijeaver ta myn skoan-soan habbe as Goffe.
Wopke {klapt yn de hunnen.)
Tüzen kear tanke for dy wirden.
Prkark.
Ja, mar sjoch, der binne altiid fen dy »dittenquot; en sdattenquot;, fen dy »ennenquot; en »onnenquot; yn 't libben, dy 't men lang altiid sa mar net oan elk en ien sizze kin (betinkt him efkes.) Syn mem, dat is wol in aerdich minske.
10
wopke.
In fleurige widdou.
Freark.
En nou stiet it spil hjir sa, det as Goffe Romkje krijt, den nimt Geiske my; mar stekt Romke de hoarnen yn 'e wal, fen seis, den wirdt it for my ek in püster, snapst 'm ?
Wopke.
Ja, ik snap 'm en hap 'm., in hiele fiypflappery, en Romkje scil sadwaende, tsjin hjar sin boaskje moatte, om jo jou sin krije to litten.
Freark (neitinkende.)
Nou, dèr seiste sa'n wirdtsje oardeheal.
Wopke.
Hwêr jy wol ris oer neitinke meije. Mar hark ris, hospes, dy 't net sterk is , moat slim wêze : Scoene wy it togearre net bigüchelje kinne, det ik jou dochter krige, en jy dêrom like goed dy fleurige widdou ?
Freark.
Mar Goffe den ?
Wopke (rap wei.)
Den moat dy üs faem habbe.
Freark.
Matsen ? Mar scoe dy wol wolle ?
Wopke.
Ik tocht fen graech, hwat faom wol net boaskje ?
11
Freark.
Wolnou ik hab der neat op tsjin, ast dou der kans ta sjuchste. . ..
Wopke.
Ja, mar den inoatte jy my helpe.
Freark {stekt Wopke de hdn ta.) Hjir is myn han, en Romkje is for dy, mei bi-tingst der by, det ik Geiske krij.
Wopke (wylsl hy Freark de hdn skoddet.)
En Goffe Matsen!
Freark.
Dat scoe den trije pear wirde.
Wopke
Sa is 't krekt, en yn de aide boeken leze wy ommers ek, det it net goed is for in minske, om allinne to wezen.
Freark {mei fjiir.)
In wird, Wopke, der 't ik by dei en nacht oer tink, en ik fiel it oan my seis det it in wier wird is. Wopke.
Litte wy üs herten den dcroer beide efkes lucht jaen.
Freark.
Set mar yn. {Jlja sjonge to gearre.)
Men kin 't yn de Bibel léze,
En den is 't ek wier en wis :
'n Minsk moat net allinne wêze
12
Om 't dat nearne goed for is.
Dêrom krige Adam lefke Wyls det hy to sliepen lei,
En dat aider nündrichst wiifke Ta syn selskip nacht en dei.
Skiën en Ijeaflik is dy stoarje,
Bard yn 'tParadys alear;
't Kaldste bloed moat wol foroarje As men tinkt oan 't earste pear.
Twa by twa,
Elkoar ha,
Ho 'tmen yen ek foardocht, ja,
Elk en ien kin 't taeste en fiele ,
Ljeafde woe graech partsje, diele ;
Nimme en jaen,
Mei'n oar dwaen ;
Dat moat elk syn herte striele,
Jong en aid Op lis wrald,
't Is in drinw fen 't heechst biwald.
Preark (hisjocht syn jiiip.)
Sjea sa, dat is in gisel west, der moat in bran-merk op. Nou ik nei de ef terkeamer en don sjochste mar det alles foarelkoar komt, sa as wy ófpraet binne. Wopke.
Ik scil myn best dwaen, hospes.
Freark.
En lit my in frisse piip oanstekke (óf.)
13
Wopke (aüine.)
It earste moat nou wêze om Romkje to freegjen, de tastemming fen hjar heit is der for safier, scoe Sjouke de Fries wol sizze â mar om Goffe nou oan Matsen to krijen , dat is makkelikker sein as dien â mar hark , dêr is it fanke.
Matsen {komt jleurich op.)
Siz ris Wopke, wiste wol det wy bisite krige hawwe ?
Wopke.
Né, , mar wol det wy dy krije scoene.
Matsen.
En nou moast ik in flesse wyn fen dy hawwe mei fjouwer glezzen.
Wopke.
In flesse wyn, sa mar yn ienen ?
Matsen.
Ja wis, net yn twaen ef tnjen, mar yn ienen; it mei de ljue barre.
Wopke (sïket ten en aar hij-elkoar.)
Goed sein. Matsen, en Goffe scil der wol net minder fen wirde as hy in glês wyn krijt.
Matsen.
En hwa den wol ?
Wopke.
Nammen neame, is yn dit slach fen saken altiid forkeard , en ik scil dy mei stimme aste sizze wolste det men op kofje net sjonge kin.
14
Matsen.
De iene is altiid snoader as de oaro, mar Goffe is 'n goede jonge.
Wopke.
Dou scoeste him dos wol ta dyn man hawwe wolle? Matsen.
En hwêrom net, mar den moast der gjin Romkje wêze.
wopke.
Dou, koeste in goed libben by him habbe, en hy hie oan dy in tige beste hüshaldster.
Matsen.
Hald mar op fen goed dwaen, 't scil nea sa fier komme.
Wopke.
Och, dat wit men al net.
Matsen.
Lit ik dy ris hwat fortellc.
Wopke.
Grean dyn gong.
Matsen.
Sa aste wiste hab ik by Goffe syn alden wenne. Wopke.
Dat is my bikind.
Matsen.
De boer, Goffe syn heit, is yn dy tnd forstoarn. Wopke.
Ek dêrmei bin ik op 'e hichte,
15
Matsen.
Goffe en ik koene, it altiid wakkere skoan mei elkoar birinne, hy is wol gjin jonge fen Jan de Wit, mar dy 't him ta man krijt, is der net mei bikocht, sa folie wit ik wol, mar fen seis fkja knipt op de tommei jild, lukt jild, en Romkje en hy scille wol in pear wirde.
Wopke. (hiünkl him hwat.)
Bist dou der do net mids yn 't jier üt rekke.
Matsen (laitsjende.)
Ei ja jü, mar helje nou mar gjin mear aide kjéllen üt de sieat, 't is ek de iennicbste fette barch dy't ik ea hawn hab.
quot;Wopke.
ümdet Goffe en dou great wieren.
Matsen.
Lyts wierne wy net; en hwat er hjir nou fjirder ek barre mei, joun, moarn ef oaremoarn, ik siz dy dit, det Goffe in hiel oaren ien op 't each hat as Romkje, en dat Romkje ek in hiel oaren ien op 't each hat as Goffe.
Wopke.
Matsen, ik bin bliid, det ik dit allegearre wit, en ik scil sa folie dwaenlik biarbeidsje, det elk syn sin krijt.
Matsen.
Den dochste in tige best wirk ; in wirk fen Ijeafde scoe Domeny wol sizze, mar hark.
16
Freark {rópt efler de skermen.)
Matsen!
Matsen (rópt wêrom.)
Ja, ik kom al! {Isjin Wopke.) Doch dyn best, en as ik dy helpe kin, ik bin ta dyn tsjinst.
Wopke.
Dat is goed, en ik ta dines (joivt hjar in /Jesse ivijn en fjouwer romers.) Sa den mar ofpraet.
Freark (ropt toer.)
Matsen, komste!
Matsen (Jiastich.)
Ei ja, de wrald is net razend (óf)
Wopke.
Jonge, jonge hwat liket dit allegearre moai los rinne to scillen. sa moat men wol oan tafal leauwe. Det Matsen Goffe wol habbe wol, en det Goffe ek wol sin oan Matsen bat, dat is dos foarelkoar.
Nou de earste gelegenheid de beste det ik Romkje freegje (sjochl net de tapkast.) Mar nou ik nei de kelder om bier, ik sjoch det hjir neat mear yn foar-rie is.
O, dy Romkje! {hij lukt it liik op en giet yn de kelder.)
Romkje {komt op.)
Nimmen hjir, en ik hearde dochs myn namme neamen, miende 'k. Wol nou, den ha'k it my wis forbylde. Och ja, dat kin men sa ris hawwe, en den
17
foaral, as men oer 'i iene ef 't oare tinkt, det men wol oars habbe wol {hja giet nei 't finster.) Och sjuch ris ho Ijeaf as dat moantsje der skynt. 't Is dochs al kinstich dy moanne, en dy stjirren, en kinstich ek, det de minsken, sinne- en moanne klip-sen birekkenje kinne. O, koe ik mar birekkenje, hwa eft myn man noch ris wirde scil. Krekt sa binne Geiske en Goffe hjir komd, en ik bigryp it malle skoan mei hwat doel, mar ik gjin Goffehjêr! (Wopke kipet efkes ta de kelder üt, sunder det Rom-kje dat merkt.) Né, den moast der gjin Wopke wêze. Mar Wopke? Nea hat de jonge my yet frege, en dochs fiel ik it oan my seis, det hy fen my haldt, ja dat hy my Ijeaf hat, en ik hab him ek Ijeaf. (Sjucht wer nei de moanne.) O, dat skienne silveren moantsjo, hwat skynt it Ijeaf en klear, en den dat mantsje yn dat moantsje. Siker 't is krekt eft it Wopke is, dy my oanglimket.
Hja sjongt:
Sjuch ik it silveren moantsje Allinken heger gean.
Den sjuch ik yn dat moantsje In Ijeaf lyts mantsje stean.
En 'k fiel it oan myn herte Det 'k net de selde bliuw.
En 't is eft 'k nei dat mantsje Op Ingels wjukken driuw.
Sw, '94, %
s I
18
En süntsjes seit dat mantsje :
Ik hald oer dy de wacht.
Ik bin dyn Ijeave Wopke En 'k siz dy goeden nacht!
En 'k siz dy goeden nacht! Ja, hast alle jounen â sjong ik dit sangkje, en gean faek mei in reade troanje en in bounsjend herte nei bêd, en dream oer in lokkich hou lik en in tofredene hüshalding (hja suchtet.) Kom oan, der is hjir op 't eagenblik neat to dwaen, lit my de spyldoas efkes op wine {hja docht dat) en dy set ik hjir by my yn't finsterbank, en gean, seis der hwat by sitten mei dat bliore moantsje foar eagen.
{Hja nji'mtet hwat, giet sitten mei de hein oan de holle nei it moantsje to sjen, en fait sa beo re yn dom. Wopke hat sa nou en den ta de kelder iU kipe, mar komt nou alhiel to foarskyn, wylst hij op in ofstan, met it each op Romkje it folgjende süntsjes sjongt): Hwat sit dat hern der swiet to sliepen,
In Ingel lyk, dat is suver wier,
Mei 't mültsje sa hwat hjelwei glimkjend iepen ,
Dat is hwet oars, as kald en surich bier.
O mocht ik der sa ris mei hjar frije,
Ho raer scoe 'k wirde; ik fiel it, Rom,
Dy sa to sjen, ik kin 't sa wier net swije, i
Dèrfen keart 't hert my yn 't liif heal om.
(Romkje slacht hjar eagen op , sjucht om hjar hinne, Wopke seit fen siden;
19
Siker hja heart my, mar stil, nou ik efkes skül
(Jiy dükt him efter in stoel.)
Romkje {sjongt ivyhst hja hjar sa humt id rekt.)
Hwat wie dat?
't Hearde hwat, ha, ha, ha.
Nei 't ik mien,
, , Wie der ien, mar, hwêr sa?
quot;Wol in dief
My to liif, dat wie slim.
Koart bislut
'k Snij der üt, bang for him !
{Hja wol rimpen foart rinne, Wopke komt efter de stoel tvei en heart hjar.)
Wopke.
Né, Romkje net bang wirde, ik bin it.
Romkjk {Uier.)
O, heden Wopke bist dou dér, ik toch te det it Goife wier, en dér bin ik sa bang for, as de houn for bruijen.
Wopke.
I | Hab gjin noed en wol nou ris harkje.
Hy sjongt:
i i i
Ljeave Romkje , aerdich famke,
Lang hie 'k al in each op dy ;
Froed en dimmen, as in lamke.
20
Biet' in Ingeltsje for my.
O, dou kinst myn lok forheegje,
'k Fiel it yn myn hert, myn skat,
Mar ik doarste dy net freogje,
Nou lykwols, nou weagje ik dat.
Romkje. (sjongt.)
Dou, dou fregest my to trouwen ?
Beste frjeon, ho komst sa let! *
Siker 'k siz it, sunder flauwen,
'k Hie myn sin op dy lang set;
En nou soil ik net lang droagje:
'k Nim dyn Ijeafde dalik oan;
Dat wy neat as lok oanskoagje Ta lis leste joun of moarn.
Sjonge en dounsje to gearre.
Fen tral-de-ra.
Fen fal de-ra,
Fen dit en fen dat,
Fen piere-w y t.
Fen skiere-wyt.
En wy wyt' wol hwat.
Us hert en üs sin f
Is Ijeafde en min Bin't mei elkoar ien, sa ynlik as 't kin.
(Freark, Geiske en Goffe korume op Wopke en lloinkje litte elkoar ringen los,)
21
ÃoMKJÃi
ö heannkeü, dér is de bisite! nóu sjuch ik det ik üt de wei kom.
{hja rint hastich net boppen. ⢠Wopke beart, det er neat bard is.)
Freark. (tsjin Geiske.)
Dit is üs tapkeamer, ef jachtweide sa 't jy it mar neame wolle.
Geiske (Sj licht om Jij ar hinne.)
Nou ik moat sizze, 't is hjir alles like skiën en eptich.
Freark.
Dat moat ek yn in herberch, oars haldt men gjin klandyzje
Goffe. (dy't syn mem by de hoeke fen de skerldoek beet haldt, en by de tapkast opsjucht, tige onnoasel)
En is dit nou in aptheek mem ?
Geiske.
Né Ijea, dér heart dy skerpe drank oars al thüs, ^ wirdt der sein......
Freark.
Mar as de aide kleare dér wei komme moast, Geiske, den scoe it wol dealiske piperich bitelle wirde moatte, en sjuch ris (Ut in romer sjen) sokke taepje ik for in stur.
22
Geiske.
Nou dat binne bazen.
Freark.
En beste waer, nearne better (tsjin Wopke.) Mar hwer is Romkje?
Wopke.
Ik lean fen boppe.
Freark.
Rop, ef helje hjar efkes.
quot;Wopke (Jen siden.)
Dat hie de baes wol minder bitinke kinnen {giet nei boppen.)
Freark (tsjin Geiske.)
Alles fait jo hjir dos wol aerdich oan ?
Geiske.
Ja, dat is tige, lykwols scoe 't beste wêze det Goffe hjir mei Romkje yn de herberch bleau, en det jy by my op de pleats kamen.
Freark.
Dit léste hab ik neat op tsjin, mar . . .
Geiske.
It earste wolle jy sizze. â 't Is ek wier, Goffe en Romkje moatte it earst iens wêze.
Goffe.
Hwat iens wêze, mem?
Geiske.
Om in pear to wirden.
23
GoFft.
Matsen en ikke? (Freark sot greate eayen op.)
greiske.
Né Romkje en dou, dèrom komme wy hjir ommers.
Goffe.
Mar as Romkje my net habbe wol ?
Gei.s'lt;e.
Dat scil wol hwat ta falie (tsjin Freark.) Jy habbe hjar fen seis, al mei ien en oar yn kinnisse steld ?
Freark (lukt oan de skouderh.)
Ik hab nearne oer praten, minske.
Geiske.
Nearne oer praten, sizze jy ?
Freark.
Né, en dat hab ik mei opset sin litten.
Geiske.
Ho ha 'k it nou ?
Freark.
Dat scil ik jo sizze: As in goe frjeon bygelyks tsjin jo sein hie : Freark hospes scil jo freegje to boaskjen, den hiene jy it nijs al wei hawn foar det ik seis kaem, en moster nei de mieltiid dér hald ik net fen.
Geiske.
Nou dér is wol hwat fen oan, jy wolle dos, om sa ris to sizzen, net habbe, det in oar it bed for Goffe klear makket.
24
Freark.
Sa is 't krekt. Ik siz altiid : der giet neat for de man seis, al moat men ek mar in pear nije skoen ef klompen habbe; seis nei de winkel is altiid it béste, den kin men ütsiikje en passé sa 't men wol, mar kom, dêr is Romkje al.
Romkje {fleurich op.)
Goeden joun, en soun ? (hja füsket mei Geiske.)
Geiske.
Ja, best en ho is 't mei dy ?
Goffe.
En mei my ek goed.
Romkje (loket.)
Kom. dat stiet my oan, den moatte wy ek mar ris füskje, net ?
Goffe.
Dat kin wol (hja dogge dit) en hwêr is Matsen ?
Geiske.
Ei jonge, hwat kin dy Matsen skele, praet nou oer hwat oars.
Romkje.
Ja, dat siz ik ek frou ; Goffe moat nou net om Matsen tinke, nou 't hy by my is.
Geiske.
Krekt sa fanke, dou haste it goed foar, (tsjin Freark) en wolle wy nou net hinne gean, de jonge ljue binne nou by elkoar en habbe lis wis oer en to folle.
25
Freark.
't Liket my skoan ta, en den binne wy ek to-gearre, kom wol 'k jo mar folgens de nije mode yn de earm nimme ?
greiske.
Gean jou gong. (Freark krijt Gekke yn de earm en hja geane sa óf.)
groffe.
Ik bin al hwat wirch, wol ik hjir mar sitten gean?
(giet oan de kant fen '£ toaniel.)
Romkje.
Ja dat is goed, den nim ik hjir myn sit. (giet oan de oare kant.)
Goffe.
Moai waer, nou ?
Romkje (sjoelit ta 'n finster üt.) Ja, it is Ijocht moanne.
Goffe.
Kinne jy ek kine !
Romkje.
Kine ? né.
Goffe.
Wol domenys houtsje ?
Romkje.
Ek net.
Goffe.
Den goazzebrievje ?
2C
Romkje.
Noch minder.
Goffe.
Harlekeiuje ?
Romkje.
Né.
Goffe.
Klok en hammerje ?
Romkje.
Neat fen dat alles.
Goffe.
ITwat kinne jy den?
Romkje.
Alles hwat in jong faem, lyk as ik, heart to kinnen. Goffe.
As ik nou mar wiste, hwat as dat wie.
Romkje.
Den wistou to minsten mear as nou.
Goffe.
Mem sei, ik moast hjir joun by jo op sitte, en do sei ik tsjin mem, hwat scille wy den boartsje? En do sei mem, dat wiisde him de wei fen seis, mar nou kinne jy neat.
Romkje {giet op stean.) Siz dou mar tsjin dyn mem, det er sokke mear binne, en dy 't it boadskip oerbringt is grif nümer ien, foi, foi.
27
Goffe.
Wirdste slieperich ?
(Efter da skermen ivirdt spile op in harmonica.)
Romkje.
O heden né, en den foaral net as ik muzyk hear. Haldstou wol fen muzyk?
Goffe.
Fen spyljen, né.
Romkje.
Wol fen dounsjen, skotse trije bygelyks ? (hja nutk-ket hiweging fen dounsjen.)
Goffe.
Fen springen, né ek net.
Romkje.
Fen in romer wyn ?
Goffe.
Dat is my to sur.
[Hans en Frans, komme tiye fLeurich op, wylst hja op in harmonica spylje, en it folgjende sjonge :)
Ilwa gjin wyn en sang en skotse trije past,
Sit yn gjin goede bast,
Triuw dy mar yn de kast.
Hwa gjin wyn en sang en skotse trije past, Dat is gjin brilloftsgast.
Mar hwa haldt fen wyn en fen de fnjerij.
28
Dy skikke roun om by,
Binn' altiid blier en blij.
Mar hwa haldt fen wyn en fen de frijerij Binn' jonges lyk as wy.
Hans.
Romkje, set ris in flesse wyn op.
Eomkje.
Astjo bleaft, Hearen. /giet nei de tapkast /
Hans.
Dat bin ik al hiel mei dy iens, mar wiste wol, as men oer de divel praet det hy den nea net fier óf is ?
I Wopke komt ünderwilen fen hoppen.) Goffe.
Mem wol net lije det wy oer de divel prate. Hans.
Ek al wer goed, en den mar oer hwat oars.
Wopke. (komt op.l Jonn Hearen, kom, dat liket in fleurich rountsje wirde to scillen.
Romkje. fset wyn en glêzzen op.l
Ho folie glêzen ?
Hans. (sjocht en telt.) len, twa, tnje, fjouwer, fiif, astjobleaft. {Wopke tapet yn en Hans forfolget.) Ja sjuch, wy, ik en Frans komme fen in brilloft.
Romke.
Fen in brilloft, en is dy nou al óf roun ?
29
Hans.
Ja, mar dy is jisterjoun bigoun, en fen 'e moarn om hjealwei seizen eindige; wy habbe noch hwat neipraten, lans de dei dizze en jinge frjeon efkes opsocht, en nou binne wy hjir, om it feest to sluten, en in glêske to drinken ta ófskie.
Romkje.
Hwat brilloft wie dat as ik freegje mei ?
Frans.
Dat wie de brilloft fen üs Pake en üs Beppe. Hans en ik binne neven, en üs Pake en Beppe habbe hjar goudene brilloft halden, en nou binne wy los fen 't erdske.
Hans. (nimt yn cjlès.)
Ja nou binne wy los fen 't ierdske, en ik nim myn glês en drink by dizze de sounheid fen alle Pakes en Beppes, Heitenen Memmen, Omkes, Moikes, Broer-ren en Sisters, Neven en Nichten, migen en sibben, Frjeonen en Freamden, koartom op de soünheid fen alle minsken, hip, hip, hip, hoera ! !
{Hja klinke en drinke.)
Frans, {mei de harmonica.)
En nou in fleurich sangkje.
Hans.
Ja dat moat weze.
Hja sjonge mei elkoar, Frans spilet)
Kom, litte wy ris klinke
30
As frjeonen mei elkoar,
Hwêrom scoen' wy net drinke,
Dor is do wyn om 's foar,
It nimt de soarch fen 'therte,
Jowt wille kreft en moed.
Fordriuwt faek pyn' en smerte
Id supke docht sa goed.
Klink den goe frjeonen klink,
Drink leech jimme glês en tink :
Wy binn' mar ienkear yn üs libben jong,
De tiid dy giet syn gong.
Wêz' fleurich nou en sjong:
Wy binn' mar ienkear yn üs libben jong.
De tiid dy giet syn gong.
Mar ienkear jong.
(JJju klinke en drinke, hihalven Goff'e dij 't jimmer kdld en onnoazel om him hinne sjoen hat. Hans, Wopke en llomke, prate e/t lüxterje elkoar-ren Inval sa det men wol merke kin, det er dizze of jinge fijt ïit set wirde soil.)
Fiians. (ünderimlen tsjin Goffe ) Sjongst dou net mei, Goffe ?
Goffe.
Dit sankje kin ik net.
Frans.
En drinkste ek gjin wyn!
31
Goffe.
Dy 's my to sur, sei ik niis al.
Frans.
To sur, hie 'k tocht.
Goffe.
Ik woe wol nei bus.
Frans.
Dat wol ik wol leauwe, dy 't net noi hüs wol, dy doacht ek net, en dou biste in brave soan.
Goffe.
Dat seit mem ek.
Frans.
Mar hwat haste Ijeaver as wyn?
Goffe.
Anys mei süker.
Hans.
En den hwat sjerp op 'e ktvit, tink ik.
Goffe. {in bytsje kuurt.) Né, dat hoeft net, ik bin gjin mich.
Hans.
Wopke meitse dalik sa'n spuidrankje klear.
quot;wopke,
Astjobleaft.. (hy docht dat.)
Frans.
Mar ho komst dou hjir sa yn de herberch Goffe, dat bin ik net fen dy wend.
Goffe. {blier wei)
Ik bin by Romkje,
32
Frans.
Soa, ei, jawol, bist dou by Romkje.
goffe.
Ja, mem is hjir ek.
Frans.
Bigrepen, twa muzen yn ien flap, mar ik miende oars det Matsen dyn fryster wier.
Goffe.
Ja, mar dy mei ik net habbe.
Frans.
En hwa hwol dat net lije ?
Goffe.
Mem net.
Romkje (sa beare lük.) Nou komt de aep al üt de mouwe, ik tocht it wol, mar wiste hwat, gean dou nei Matsen, dy is efter yn de koken en scil bliid wêze as hja dy sjocht. « Goffe.
Den hast dou gjin sin oan my ?
Romkje.
Hwat scoe 't my jaen, dou hast dyn sin ommers dochs ienkear op Matsen set.
Goffe.
Dat is wier, mar mem sei, det dou moast myn wiif wirde, den scoe dyn heit mem habbe.
Wopke {feu siden.)
Dat komt goed üt.
Romkje.
Dyn mem praet mei de müle der 't hja brea mei yt, 't scoe raer op myn lan en dak waeije, as ik
33
Matsen ünderwrotte. En, siz dou nou mar tsjin dyn mem, det ik dy net hawwe wol.
Goffe.
En ik dy ek net,
Romkje.
Tige best, den binne wy ófpraet (lijn giet laitsjend nei hoppen.)
Wopk£ {bring t Goffe anys mei süJier.)
Hjir is dyn swiet slokje, ast dy bleaft.
Goffe (nei 't hy preuun kat ., slikket him om de müle.) Lekker, hjêr, lekker, en hwat kostet di t süpke ?
(/(Æ/ heilet in greats pong to foarskyn.)
Hans (glimket Frans aan.) Dat kin dy neat skele, ik traktoarje en bitelje^ bergje dy portemonnaie mar wer op.
Frans.
Mar ik kin ek wol bitelje.
Goffe
Jimme moatte der net om tsiere.
Wopke.
.Né Goffe. den Ijeaver riede.
Hans.
Né wacht, ik wyt hwat oare.
3.
'Sw. '94.
34
Frans.
En hwat den ?
Hans.
Wy scille it üt meitse mei in grap, mar den moat GrofFe üs helpe.
Goffe.
Ik jimme helpe ?
Hans.
Oars soil t net lokke. Dou haldst wis wol fee in grap, nou?
Goffe.
Mear as fen in klap.
Hans.
i. Moai sa, as it proza op haldt, den bigjint it rym â en kom dou nou hjir mar ris (Goffe giet nek Ham ta.) En hwêr is» dyn büsdoek ?
Goffe (joivt mjn büsdoek oer.) 13y is hjir, ik hab him niis skjin fen üs mem, krige, mei rükersgüd der op.
Hans (rfikt der nei.)
Dy deale ja, nou dêr is er better om. '1 ' 11
Goffe (laket ünnoazel.)
Better om.......
, â ;' ;â Hans..'- '
En nou byn ik dy dizze doek f'oar de eagen (/m/i; dpchi dat) en draei dy ti'ije slaggen yn 'e rounte ik en Frans geane midden oer de keamerstean, dou
35
maste üs siikje, en hwa aste it earste roerste, ef in. tik jowste, dy scil bitelje.
Wopke.
Nou dat is moai üttocht.
Hans (draeit Gaffe yn de rounte iwjlst hja mei en oar sjonge.)
Lit üs draeije,
Pierewaeije,
Goffe sa 't men sjocht,
Dy haldt fen wille en nocht, ensf.
Goffe,
O, hald op, ik wird sa dronken, (Ham forfolijf t) : Sjea sa, nou mar foarüt.
{Goffe giet nou mei de hunnen foarüt foetsje foor foetaje de keumer roun. Wopke giet süntsjes, wyht hy hwat maneuvels muk-ket tsjin Ham en Frans, net hoppen. Dér nei dupe Hans en Fran* ek stil de doar rit. Goffe reaget nou ten en oar fen de tafel en seit den):
Dér komme siker al diggels, mar dat seillejimme bitelje, foi dat is in üngelok.
36
FrtEARK {komt yn 'e doar, set de beide hunnen yn de side a en skodhollet.)
Goffe.
Mar hwêr binne jimme ? Jow ris lud, rop ris fen : piep, piep!
{Freark komt neijer. Goffe yn him seis): Der stiet leau 'k ien. {Hy slacht Freark nou Uiiich oan de holle. sa dat it klapt, en seit den) : Dy scil bitelje !
Freark (sa beare lilk.)
Den ek mar dalik, mei dyn: piep piep (hy jowl Goffe nou twa for ien.) Mar hwat skeelt dy, biste dronken, ef maelt dy de plasse (hy skürt him de bnsdoék four de ragen wei.)
Goffe.
O heden hospes, binne jy dat ? Mar hwêr binne Hlans en Frans en Wopke?
Freark.
Ik wyt fen gjin Hans en Frans, mar hwêr is Romkje?
Goffe. 4
Dat wyt ik net, en it kin my ek neat skele, bwerit ik wol hjar dochs net habbe, en hja my ek net.
Freark.
Eri slachste my dêrom nou hjir de boel koart en klien ? Wacht myri jonge, dat soil ik dy bitelle
sette (hy krijt him beet, Goffe keurt wol tsjin, mar 'i helpt him net. Freark triuwt him yn de kelder.) Sjea sa, dy sit yn de finzeniseel (hy docht it luk ta
37
en ninit in stoel, set dy op it luk) en nou gean ik hjir sitten en hald de wacht {hy stekt de piip oan.)
Geiske (komt op.)
Heden hwa i gie dat er hjir niia krekt sa oan wei, en hwat sitte jy der aerdich lykme allinne oer de flier.
Preark (koart wei.)
Ja, dat siz ik ek.
Geiske (sjocht om hjar hinne.)
Mar hwat sjocht it er hjir üt. Stikkene Hessen en romers â jy binne dochs net oan 't bakkeleijen west ?
Preark.
Allegearre it wirk fen Groffe.
Geiske (slacht de kannen yii elhoar.)
GofFe, fen myn (jrofie ! Goede man hald jy stil. ik scoe der hinne falie kinne.
Preark {dampt tigé ét syn piip.)
Dat wie den net oars, mar Goffe hat hjir alles jSa fen aeijen makke, en wol fen Romkje neat mear witte.
Geiske.
⢠Mar dat is net müchlik !
Preark (rimpen.)
^fet müchlik? Scille jy my dat ligen hjitte, en % hat him hjir tjierge as in holder.
38
Gteiske (skriemerich.)
Thus altiid de goedheid seis, nea scil hy in kopke ef pantsje brekke, en nou dit hjir sa......
freark.
Ja, as maitiids de süpkjellen for 't earst bdten doar komme, den kinne hja it mal dwaen.
Geiske.
O, foi, hwat mei him oer komd wêze?
Freark.
Dat wyt ik better as jy.
Geiske.
Och siz my, hwêr 't hy is.
Freark.
Ik hab him under 'e foetten.
Geiske (sjocht ünrestich om lij ar hinne.
Mar dat bigryp ik net.
Freark.
Bigryp jy dat net. Wolnou hy sit hjir yn de kelder, ta straffe for syn ündogensheid.
Geiske. (tige aandien.) :
O hearinken, nou wirdt it my to slim, Goffe, o myn Goffe! (Goffe ropt yn de kelder: Mem, mem!) Ja myn Ijeave jonge, mem scil dy helpe. Mar Freark â¢o Freark, hwat wird ik raer .... o .... o!
(Hja fait nou heal flan tsjin Freark oan; dy se â hemt en keart.)
39
Freark (tige to skoar.)
Mar hwat scille wy nou habbe, bidarje jo hwat, it kwea moat ommers straft wirde, foi dit is my in komeedsje. {heal tsjin 't publyk.) Nou as dy net oanfallich is, den wyt ik it net. (% ropt.) Romkje! Matsen!! Wopkeü! {krijt gjin andert.) Nimmen skynt my to hearen. Mar wyt je hwat, hja moat hjir wei, en nou in koart birie, en in goed birie, ik nim hjar op de earmen, en sjou hjar nei de efter-keamer. {hy docht dat.)
Romkje {kont laitsjende op.)
Ha, ha, ha! nou, nou! de grappen binne hjir it; jild wirdich, dêr komt my de baes oan sjouwen mei' dy fleurige widdou op de earmen, 't is om tolait-sjen, ha, ha, ha!
Wopke {hoppe op de trep.)
Ja Matsen, nimmen dy 't er om skrieme kin.
Ma tsen (lakei ris.)
Soa, bist dou dêr. â Hja wier ttau fallen sei de baes.
Wopke.
| In moai kinstje, for de frouijuo as hja greach ris yn manljue's hannen wolle.
Matsen.
ftbu, de baes kin der mei omgean, hy hie hjar
hwat Ijeaf to pakken..... As ik to minsten wiste'
det er ien wie dy't my sa op de hannen dragc woe en dêr t ik bistek op hie, sjean dèr, ik liet er my
40
dalik hinne trüzelje.
Wopke.
Sa'n ien is hjir wol tichte by.
Matsen.
Scoeste tinke?
Wopkk.
Wis en trije.
Matsen {sjmcht om hjar hinne.)
Mar hwêrsanne den ?
Wopke.
Poart by dy yn de kelder.
Matsen (forhenu-d.)
Yn de kelder, ho kin 't sa bryk, dêr moat ikyn om spuitwetter to heljen for de frou (hja sjocht yn â de kelder.) Mar hwat is 't hjir truster, en hwa is hjir nou forsküle?
Wopke.
Gean dyn gong mar.
Matsen-.
Ja , mar ik wol net bang wirde.
Wopke.
Dat hoeft ek net , hwsnc doffe sit der op dy to Wachtsjen.
Matsen.
Ooffó-, mar den is it siker it béste det ik my foart teamp;t fls,» falie Ut {hja giét yn de kelder.)
Goffe (y ft de kelder kfrjjt hjar
oan.)
41
Ja, hjir bin ik â Ijeave Matsen !
Matsen (mei in tjjcdp.)
O hearinken, hwat komt my oer.
quot;wopke.
Ik tink fen in noffelik eagenblik.
Matsen (yn de kelder.)
O, ai, ha, ha ... .
Woi'ke.
Hark hja habbe elkoar al by de flarden, mar wyt jy hwat, nou ik nei Romkje, den is alles foar elkoar (sjongt yn him seis): «Twa by twa, pak mar ta ensfh (hastich óf.)
(Freark en Gevske, kornme hidaerd op.)
Freark.
Ja Gleiske, hwat scil men dèr al folie fen sizze, as it tafal is , ef det it sa bistjurd wirdt, wy kinne dat net ütmeitse, mar yn alle gefal, is it non sa fier kommen, det wy it mei elkoar iens binne.
GtEISKE.
Ik for my hie oars Ijeaver hawn det Goffe mei Romkje boaskje scillen hie, mar fen sels as hy mear mei Matsen op hat, och hwèrom den ek net, hja is in goed frouminske.
Freark.
En in minske sin is in minske libben-.
Geiske.
Dat is wier.
42
Fr k ark.
En nou kinne Romkje en Wopke ek beide hjar sin krije.
Geiske.
Ho kin 't allegearre sa nüvcr.
Freark.
Siz dat wol, mar as de eagen elkoar goed sjogge, de noazen elkoar goed rüke, de muien elkoar goed priuwe, de herten elkoar goed fiele, den is 't spil ringen, en for goed klear. En lit üs nou elkoar de han jaen Geiske, en iepenlik trou swarre, en it leit my op 'e lea det üs foarbyld ringen troch de oaren folge wirde soil (hja jowe elkoar de luin, en sjonge):
Trou, iwige trou ,
Swarr' wy as man en frou;
Ilwat is in minske allinne ?
De ierde sunder sinne.
Trou, iwige trou.
Hwa 't soun fen herten is, dy kin Net sunder Ijeafde trou en min.
Elts fielt it yn syn herte klear,
Dy aide lear; twa is en pear.
In foks forliest syn hjirren wol,
Mar mei syn kuren haldt hy fol.
Né, hwa net fen de Ijeafde haldt,
Dy priuwt it swiet net fen de wrald.
43
(Wopke en Romkje, falle dalik yn en komtmi su sjongende fen hoppen, en ijedne neist Freark en Geiske stean.)
Trou, iwige trou Swarr' wy as man en frou.
Hwat is in minske allinne ?
De ierde sunder sinne.
Trou, iwige trou.
Hwa 't jong is en syn sinnen set Op him ef hjar, en ier en let In stim fen binnen sizzen heart,
Dy is it, dy 't dyn hert bijear't.
Kear dat net tsjin , né 't wie to hird, De Ijeafde is den oan it wird.
En hwêr't dy sprekt, né 't kin net mis,
Dat dy de buste rieds-man is.
(Goffe en Matsen, falle dalik yn en komme sa sjongende ut de kelder , en geane neist do oaren stean.) Trou, iwige trou Swarr' wy as man en frou.
Hwat is in minske allinne ?
De ierde sunder sinne.
Trou, iwige trou.
Hwêr det de Ijeafde stiet oan t roer,
Dèr is altiid en goed bistjür.
Wêz earm, ef wcz ek mar ryk,
De Ijeafde fielt elts ien gelyk.
44
En komt dy ek fon boppen wei,
Ef üt de kelder, Ijeave sei ;
De alden geane üs sa foar En trije pear swart mei elkoar.
Allegearre.
ïrou, iwige trou Swarr' wy as man en frou.
Hwat is in minske allinnc ?
De ierde sunder sinne.
Trou, iwige trou.
{Hans en Frans komme op mei tamyk nei eigen goedfinen, klappe yn 'e kannen en roppe fen : bravo, bravo !)
Hans.
Dêr habbe wy nou sa mar yn ienen trije brillof-ten yn ütsjoch, nou kin it net oars tinkt my, as wy moatte in fleurige joun habbe.
Pre ark.
Dér hast dou gelyk oan.
Frans.
Wy binne it wend.
Freark.
Romkje set wyn op, Wopke taepje yn ! {Itja dogge â dat.)
Hans.
Wol nou ris efkes nei my harkje. Sa efkes lyn binne wy der üt pike sunder to biteljen, mar alles wie oerlein spil, en barde mei troch stitsene kaerten^
45
W y wistene hwat gearkomste hjir joun weze scoe, en habbe meiholpen sa folie as \vy koene, en leauwe det disse grap in goed ein hat, sa det der wis noch wol ris in hopen grappen op folgje kinne.
Frans (mei in gr eat e doas.)
Om der den mar dalik mei to bigjinnen, sette wy allegearre in bunte mutse op (krijt dy ut de doas, en joivt elts ien) dy wy fen de brilloft fen jister joun mei nommen habbe (elts set syn mutse op) en nou meitse wy muzyk en jimme dounsje (hja bigjinne to spyljen.)
Freark.
Sa komt der libben yn de brouwerij.
(Hja klinke en drinke, geane den four it publyk stean en sjonge.)
Hwat wie de wrald For jong en for aid,
As men net song En dounse en sprong ?
De aide lear Fen twa is en pear,
Bliuwt jimmer oan wier, wy fiele dat- klear.
(De muzyk giet troch, wyhl Freark en Geiskë, H opke en Romkje, Gaffe en Matsen bigjinnv to döunsjen. Hja bliuwe den icer foar 't publyU stean en sjonge.)
Nou ta bislüt:
Us stikje is üt.
46
Hat elts diss' joun Hwat wille hjir foun, Den binne wy To freden en blij. Spylje den letter ris wer op