ocr page 1
ocr page 2
ocr page 3

/amp;

Foardrachten, R i m e n en San g e n

FOR DC (jRll-Nh BRH.l.OFT.

OPMAKKE en BY ENOAR SOCHT

TROCI1

WALinG DYKSTRA.

Nljh PFlt;lNTIN(ir-.

TO HEARRÉNFEAN. — ('Y I. HEPKEMA. —

ocr page 4
ocr page 5

FOARDRACHTEN,

RIMEN EN SANGEN

for d o Or 1 o n. o Brilloft Opmakke en by enoar hoc-lit

troch

WALING DYKSTEA.

Nye Printinge.

To Hearresfean, by J. HEPKEMA. — 1898.

ph.^sumiversiteit utrecht

ocr page 6

De stukjes, in deze verzameling voorkomende, mogen-niet worden nagedrukt en geene vertalingen of gedeeltelijke navolgingen daarvan gedrukt of verspreid, zonder toestemming van den Uitgever

ocr page 7

PETEAR FEN WOUTER EN JOUKE,

Oernomd fen Jan Althuysen, mei frywhet for oaring, weilitten en hyfoegjen.

Jouke.

Wel, bürman Wouter, ho sa ier Al op 'e wei ? Hwer wol dit hinne ? Ho sjugge jy sa nüvre blier ?

Ho komt, dat jy sa eptich binne ? Myn ginst! hwet is dêr dóch to dwaen ? Hwet niget is der op in baen ?

Of binn' jy hjir of dêrre bean To gast, om jo ris tsjük to iten ? Ik sjuch it, tinkt my, oan jou klean. Jy habbe selde sokke riten,

Dat jy sa bjuster yn 'e pronk Moarns sa bytiid al gean fen honk.

Ik wit net ho 'k it mei jo ha. In boelgüd of in bistemerke Dêr giet men sa dóch net op ta.

Dêr is fêst hjüd ek nearne tsjerke. Ek gin bigrafenisse, wol?

Jy sjugge dêrfor hwet to gol.

Wouter.

Né, Joukefrjeun, né, né, ik scil Nen byt hjüd fen dat allegearre.

Dêr is alheel hwet oars op til; Het nimmen jo dat yet forklearre ?

Daen Oebles is de brêggeman Mei Kinske, 't pukje fen üs lan.

ocr page 8

4

Nou scil ik hjud to brilloft gean By 't jonge pear, en my ris tige Pormeitse. 't Kin dêr nou op stean, Nou Daen sa 'n snipper wyfke krige As Rinske ien is, — dêr 't by by dei Forsiker wol mei pronkje mei.

J duke.

Wel, hwet jy sizze ! Better pear Scoe 'k siker nearne fine kinne. Hja binne beide kant en klear En scill' 't wol mei elkoar birinne. Ho binn' dy twa sa by 'noar komd ? Ha jy dêr ek hwet fen fornomd ?

Wouter.

Ja, Daen Lie wit ho lang al roan Krekt oft syn libben him forfeelde, It like wol, hy wier forjown ;

Gjinien bigrypte hwet him skeelde. Gjin ding koe him fornóegen jaen ; Mar 't wier him om in wiif to dwaen.

Jouke.

In aide en algemiene kwael By bern fen ryklik tüzen wiken.

Hwent Adam wier, nei 't skiedforhael, Ek fen dj' kwael al üt 'e liken ; En 't aerdichst is : dy hied er al Foar dat er kommen is ta'n fal.

'Erisonde is 't dêrom net, dat 's wis. Dat lit him goedenóch biwize.

En om 't gjin minske in strieskobbe is, Wirdt soks fen nimmen ek misprize. Seis Mozes het der neat fen sei. Do 'r Israël de plicht oplei.

ocr page 9

Nei oar'ljues güd mocht immen, sei er Mei gjin bigearige eagen sjen :

En dat forklearret er yet neyer, Mar neamt dêrby gjin oar'ljues bern. Dy to bigearjen stiet dus fry. — Mar kom, fortel hwet fierder my.

Woüter.

Daen hie syn sin op Rinske slein. Hy hie de faem pas ienkear spritsen, Do spile hja him yn syn brein. Hy waerd mei sydne triedtsjes litsen Fen Fjildhüs ou nei Grienterp ta. Dat fanke, tocht er, inoat ik ha.

Hy kaem by hjar en dat wier goed ; Hy kaem ris wer, sa giet it folie. Mar einlings frege er hjar heel froed Oft hja mei him scoe boaskje wolle. Mar o ! ho dimmen seach de faem, Do 't hja dat wird fen him fornaera.

Hja naem it seis, sa 't like, kwea En woe sabeare lang net lije,

Dat hy hjar mear kaem oan 'e lea. Gjin glimke koed er fen hjar krije. En hwet er bea en hwet er sei, Hja hie de gek dêr sahwet mei.

Hy joech it mei dat al net oer ; Hy tocht, ik moat it al wer weagje. Hy sei : , Ho biste nou sa stür ? Ho kinst my sa koelbloedich pleagje. En hald dy fij en wêrs fen my?

Ik kin net libje buten dy.

„Ik scil, as 'k ienkear dines bin, Dy altyd goed foar eagen halde, My jimmer skikke nei dyn sin

ocr page 10

6

En alles yn 'e béste falde

Bilizze, en 'k wit net hwet wol dwaen

Om dy mar wille en nocht to jaen.quot;

Sa wist er mei syn Ijeafdefjur Hjar iiskald hert op 't lést t' oerwinnen. Hja rekke troch syn praet oerstjür, Oan 't meallen rekken hjar de sinnen. Dat mirk de frijer dealske goed En krige do wer nije moed.

Op 't lést ontglüpte 't jawird hjar. Hja sei : „Ik kin net langer swije ; Ik bin oerwoan, ho 'k my ek war, Hwent, siker wier, ik mei dy lije. En dêrom war ik net mear tsjin ;

Ik fiel, dat 'k dy net misse kin.'' —

Joukb.

Jawol; den wier 't in frijerij Sa 't se allegearre meastal rinne.

Ik wit tominsten wol, dat wy Sa ek omtrint al klearkomd binne; En 't gyng mei jo en mei in oar Ek frij allyk, stel ik my foar.

Hwent as jy telle twakear twa

Den scill' jy 't grif op fjouer bringe;

En woll' jy griene ferwe ha.

Den kinn' jy giel mei blaeu forminge,

Den ha jy 't; komt der strie by 't fjür,

Den giet it licht ta barnen oer.

Sa giet it ek mei frijerij.

As feinten nei de fammen rinne,

Binn' wy al lang sa wiis, dat wy It oare er wol by riede kinne.

Docht de iene al efkes oars as de oar. Elk stelt op 't lést it selde 'm foar.

ocr page 11

7

In Fries frijt lang net as in Turk, En boerefolk net lyk as hearen. Yn Laplan giet it oars yn 't wirk As hjir; elk lan het syn menearen. Mar oeral draeit it hjir op üt: Dat trouwen wirdt it einbisliit.

Wouter.

Jawel! en dat is moai, for wis,

Oars koe de wrald net gongber bljuwe. Mar witt' jy hwet yet moaijer is ? Den kinne wy en oare Ijnwe Soms ek ris nei in brilloft ta En dêr in bulte wille ha.

Hwent nou rint hele Grienterp gear En set de soargen oan 'e side,

Om lok to winskjen oan dit pear, Dêr elk en ien him oer forblydde. En ik wol as de hele rest Ek dêrta dwaen myn goederbêst,

JoUKE.

Ik winskje jo plezier dêr mei,

En oan de ljuwe, dy 't nou pearje, In bulte foarspoed op hjar wei. Hja scille 't mei elkoar wol klearje; Hy het syn saken tige leard,

Hjar stean de hannen net forkeard.

Ik winskje dat gjin syktme of skeel Of lésten dy 't yens lok bidjerre, De jonge ljuwe fall' ta deel.

Dat se altyd frede ha togearre,

Den ha se in himel op 'e wrald. En wirde nochlik mei 'noar aid.

Wouter. Ja, frede dat is 't béste mar.

ocr page 12

8

Sjueh, Joukefrjeun, jy moatte witte, Ik hab in segenwinsk for hjar; Dy scil 'k jo efkes hearre litte. 'k Lean, dat 'k safolle mansk al binn,. Dat 'k dat fenbüten rédde kin.

„Ik winskje jimme, jonge ljuwe! In seaft en nochlik houliks-jok,

En dat jimm' alle dagen prjuwe Oerfloedig segen en gelok.

En dat de frede, ho 't ek rint,

Biwarre bljuwt yn jimme went.

Dat Daen in bulte kenings-koppen Mar jimmer by 'noar skreppe mei. Dêr bljuwt it spil fen op 'e proppen ; Hüshalden slynt in bulte wei. As 't mistich is yn 't kammenet Den is men skielik fen 'e set.

Noait moat de wille jimme ontwykje. Ik hoopje dêrta draecht ek by Sa nou en den in mütel pykje, Dat opwaechst sonder tsjirmerij,

En dat jimme ek nei tiids-forrin Ta treast en oanhald wêze kin.

Bljuw by elkoarren lange dagen, Dat winskje 'k jimme tige ta.

En ha jim somtyds lést to dragen ; Bitink den, dat moat elk sa ha. It libben jout us sur by 't swiet; Eju wille soms, mar ek fortriet.

Ik hoopje den dat jimme leare Om dat to dragen mei forstan; En sterkje elkoar yn deugd en eare En doch jim bést mei holle en han. Dy 't hjir de rjuchte wei ynslaen Krije ek wol fruchten fen hjar dwaen.

ocr page 13

9

JOÜKE.

Ik doch dêr by : Dat hja hjir bljuwe Sa lang yn wêzen, dat se bern Ha fen hjar bern, ja heger klieuwe, En bernsbern fen hjar bern yet sjenr As griene leaten om hjar hüs, Dy 't wille en nocht jaen by de rus.

Den winskje 'k hjar for 't léste yette. Dat hja hjir hjüd oer fyftich jier To gouden-brilloft-halden sitte,

Mei al hjar neiteam fol fen tier. En nou, frjeun Wouter, dogg' jy mar Fen my de groetenisse oan hjar.

W OUTER.

Dat wol 'k mei alle Ijeafde dwaen, Goêfrjeun, dêr sell net oan mankearje. Ik scil hjar ek wol kindskip jaen, Dat jy hjar mei sa'n winsk forearje. Jy stimme er ek mei yn forwis. As 'k ditte ta bislüt yet siz:

O ! mochten Ijeafde en frede aloan Yn disse wrald regearjen bljuwe ; Den briek er 'n hearlik tiidperk oan. Wol dêrta meidwaen, jonge ljuwe! Yn jimme hüs en buten ür;

Dat jout in nochlik einbislut.

ocr page 14

10

DE MARSEKREAMMER-

Goen dei! ho giet it jimmé ?

Ik scoe 'r ris nei fornimme

Oft hjir hwet nedich wier.

'k Scil — mocht ik nimmen lette —

Myn kas mar iepen sette,

Oars bljuwt it like fier.

'k Hab alderhanne spillen En heel end al gjin prullen, 'k Ha koarde, side en jern ; 'k Ha ban, in sint de jellen ;

Tofolle om op to tellen:

Jim moatte mar ris sjen.

'k Ha skjirren, foarken, mêssen ; Of bin je 'n spjeldekêssen Of nillekoker brek?

Of spegeltsjes of kammen ? Of doaskes for de fammen ? Nairingen hab ik ek.

Doekspjelden, knoppen, ringen ; In goudsmid jout dy dingen Net for sa'n pryske as ik.

Dit güd wirdt alle dagen For goud by follen dragen.

Dat 's ek gjin skellemstik.

'k Ha poatlead om to skrjuwen, En waechs om mei to wrjuwen De kas en 't kammenet. Sigarepypkes, brillen ;

Ek spjelden, béste nillen,

En tige moai sajet.

ocr page 15

11

'k Ha kralen, brune en swarte ; Of as jy habbe moatte Goekeape róltsjes lear. 'k Ha stive pipedoppen, En moaije spegelknoppen For fjouwer stüren 't pear.

'k Ha listjes om portretten Dêr eptich yn to setten. 'k Ha pinnen, postpompier, Moai wyt en blaeu mei riitsjes. Ek hab ik brievepüdtsjes,

Bynei forgees, dat 's wier.

Pyptsjettels tor de rokers, En ek sigarekokers,

Moai, sterk en brea-goekeap. Utpluzers, piiptrochstekkers ; Hierspjelden, koarketrekkers; Pen alles by de heap.

Skrjuwboekjes, ek mei laikes, En moaije orloasjekaikes,

Trij' botsens mar it stik. Ek galgen oan 'e broeken, Koloanje om oan to rüken, Dy jou ik ek om skik.

1k Ha lange piperoeren.

Ek hab ik angelsnoeren Echt moaije en grif sa sterk Hast as in stürtse line. Skearmêssen, echte fine. Dat kinn' jy sjen oan 't merk.

Nachtpitten, gjin forkearde. Ek sjippe, wite en reade; Hieroalje, brün en giel, Dat rukt allyk as roazen.

ocr page 16

12

En hjir ha 'k beste doazen Pen koper en fen stiel.

Hwet hoef ik mear to sizzen ? Elk sjucht de boel hjir lizzen ; It sjen is altyd frij.

Om alles op to lézen,

Dat scoe forfelend wêze ;

Mar 'n praetsje moat dêr by.

Dy 't nou de jonge ljuwe Ris graech hwet aerdichs jouwe, Dy fine hjir wo) kar.

Ha 'k net hwet jimme tsjinnet. Of sjucht faek ien syn sin net, Bistel it my den mar.

Kin 'k net in bytsje slite ? Dat scoe my danich spite, 'k Tocht, dêr 't safolle ljuw Plez'erich by 'noar binne Scil 'k hwet fortsjinje kinne. Dat fait my al wer ou.

Jong pear ! ik hoopje jimme Scill' 't my net kwealik nimme : Om jimme ginst foartoan Woe 'k ek wol efkes frije Ik kom mei 'n wike of trije Tominsten mar ris oan.

Nou gean ik mar wer hinne. It béste 1 al hwa hjir binne. Ik reitse nou foarby ;

Dêr rinne ek fiers to folie. Mar tink, as jimme wolle,

Tonei foaral om my.

ocr page 17

13

To brilloft nóege.

Four to drug en mei in brief yn V hun

Fordeald! ik wird to brilloft nöege,

Dat is in eare net gering!

Dêr bin 'k sa danich oer forhüge,

Dat 'k omtrint yn 'e hichtc spring, 'k Moat gau de snider komme litte, Myn beste pak is net mear goed ;

Hy moat my daelk in nijen mjitte. In hegb fine siden hoed Moat 'k ek mar üt de stêd ontbiede, Ja, moglik yelte folie mear;

Dêr moat 'k my efkes oer biriede, Dat krij ik yet wol kant en klear.

Hwet scille in hopen spitich wêze.

Dat ik sa'n swiden eare krij.

Mar al hwa 't wolle kinne 't léze Yn disse brief, ik jou se frij.

Och man ! hwet soil ik dounsje en springe En hwet scil 'k moaije toasten slaen ! De fammen komplimenten bringe,

En dêr in snedich wird by dwaen ! In pittich brillofts-dicht scil 'k leare. En ek in tige grappich stik,

Dêr 't alle minsken lüd fen beare, Dat nimmen 't moaijer docht as ik.

Hwet scil 'k den eptich nige en büge! It moed dat wirdt my siker fol. Och ginst! ik bin to brilloft nóege! Myn Ijeave kostfrou! hear jy 't wol'? Scoen' je ek net üt 'e skroeven wéze, As jo dat oerkaem ? Ja, oars net ?

Ik moat de brief yet efkes léze,

'k Ha net goed op 'e datum let.

ocr page 18

14

„Heeehachte frjeun! Ik lit jo witte ,Wy trouwe takomm' snjeuntomoarn ,'k Forsiikje jo, as je yn üs krite „Ris komme, dat je üs net forjitte ; Mar sjuch foaral ris efkes can.quot; —

Och hea! 'k ha niis to haestich lézen, 'k Ha neat gjin reden bliid to wêzen.

TOAST.

De ljuwe dy 't hjir hjüd de dei De sinne frjeunlik skinen sjugge, By 't earste stappen op 'e wei, Dêr tüzenen de reis op dogge, Dy troch dit ierdske libben giet, Meast lang net sonder slach of stiet: De houliks-reis, dy 'to! safolle De minsken t' onderfinen jout. En hwêrop mannieh pakjes sjout Rju swierder as se habbe wolle ; — Dy pas-foriene jonge ljuwe Winskje ik in pakje licht en seaft. Goefrjeunen! wol, as 't jitnme bleaft Dêrop ris stevich mei my prjuwe, En rop de Breid en Brêgg'man ta: Lang moat jim libje en segen ha!

ocr page 19

15

0AN 'T JONGE PAER.

Wize : Griet Snippel fen de Skarster Rien.

As wer de golle maitiid komt

En 't fjild forsiert mei grien en blomt,

En alles docht ontweitsen, (two. kear.) Den liket ek wer minske en dier For nije bloei en nije tier

Him fleurich ré to meitsen. (twa kear.}

Dat dogge ek jimme, nij jong pear! Jim smieten hjüd de lappen gear

Fol blide moed en hope.

Wy winske dat fortriet noch leed Of rampen al to hird en wreed Jimme ierdske wille slope.

De Brêggeman het nou syn sin.

Al roan 't him wol ris efkes tsjin,

Hy het syn winsk forkrige.

Al bearde 't fanke nou en den,

Hja wier ófkearich fen in man,

Dóch miend' se 't him wol tige.

Ja, Breid! jy stapten hjüd de dei Yn 't skipke en farre moatt' jy mei,

Al mei 't soms waeije en ruze.

Jy diene grif in goede kar.

Wird hjüd en bljuw altiden mar In eehtewiif üt tüzen.

Jong pear! wy winskje jimme ta : Jim moatte lok en segen ha

In lange rek fen jierren.

Bljuw soun nei ligchem en nei geast. En fierje ienkear it gouden feest Mei earbre grize hierren.

ocr page 20

16

YETTE OAN 'T JOEE PEAU.

Wize : Wy, iv,j litte vs tael net farre. (It lieteboek, no. 6.)

Lit üs yet ris fleurich sjonge Op it boask fen disse twa.

Alle minsken, aide en jonge, )

Liket moai dit houlik ta ) fquot;a quot;quot;quot;

Scoe 'r in pearke komme kinne,

Dat elkoarren better past?

Né wis, as er mear sa binne.

Den in bytsje, leau ik hast.

Flinke Brêggeman ! it béste !

Sikerwier, dou bist net min,

Hwent in snipper fanke heste Siikke for dyn hert en sin.

Fleurich Breidtsje ! al dyn sibben Binne oer dyn gelok forbliid.

Hja bigripe, 't houliks-libben Wirdt for dy in goede tiid.

Libje mei elkoar plezierich.

Lange jierren efterien.

Krij ek berntsjes soun en tierich.

Op syn minst in stik of tsien.

En ha jimme ienkear togearre Libbe fiif-en-tweintich jier,

O ! den wolle we allegearre Graech wer hawwe sa'n plezier.

Lit üs yet ris fleurich sjonge Op it boask fen disse twa.

Alle minsken, aide en jonge,

Liket moai dit houlik ta.

ocr page 21

17

H CD XJ IS - Xj O EC..

WizE : Wien Neêrlandsvh bloed.

Al is de wrald gjin Eden mear,

Mar jowt faek leed en rou,

Dóch fynt men yet by mannich jjear

Wol echte Ijeafde en trou.

Mar as men 't lok allinne sjucht

Yn losse wylde pret,

Bigrypt men net it wiere nocht, Dat bljuwend wearde het.

In pear dat deugd en eare mint

En frede stelt op priis,

Dat fynt, sa wier, yn eigen went

Bynei in Paradys.

Dêr bljuwe Ijeafde en trou bistean

Ek onder ramp en lest,

En fine 't alderheechste lean Yn hüslik lok en rêst.

De wrald jowt faken wille en nocht.

Dat ütrint op fortriet;

Dat selden lang oanien foldocht,

Mar het mear sur as swiet.

Mar as in trouforiene pear

Elkoar troch Ijeafde bynt,

Den jowt hjar 't hüslik libben mear As me earne om ütens fynt.

Wy winskje mei 'noar disse twa,

Hjüd troch de trou forboun, Dat hüslik lok fen herten ta,

Ta oan hjar libbens-joun.

Draech alle wralds-bikommernis

lenriedich, froed fen sin.

Den libje jimme, — 't rint net mis, — Sa lokkich as 't mar kin.

ocr page 22

18

'Ptfhtn? 1amp;§.

Frij neifolge.

Wi/e ; O donkre nacht, die duizend dagen^

Dy man mei siker lokkich hjitte;

Dy deugd en eare mint En haldt by alles doel en mjitte,

Ho 't mei him giet of rint.

Hy scil syn daegliks brea wol fine

Troeh de arbeid fen syn han,

En oer in bytsje lést net grine Mei bjuster onverstan.

Syn echtewiif soil him oanblierje:

Allyk as klimmergrien Scil hja syn smükke went forsierje,

En stypje dy mei-ien.

Syn bern scille earbied him bitoaner

En fleurich om syn dis Deis pronkje allyk in frisle kroane Pen leaten grien en fris.

Dat lok scil jimmes wirde kinne,

Peestfierjend fleurich pear !

As jimme mar it paed oprinne Pen wierheid, deugd en ear.

Siikje alles mei gedild to dragen

En jow gjin moed forlern,

Den mei' jim hoopje yn letter dagen. Op help i'en jimme bern.

Wol noait it rjuchte doel forjitte

Hald oan de wierheid lést,

Den gean jim de aide dei tomjitte Mei stille hope op 't lést.

ocr page 23

19

Den kinn' jim yette wille krije

Mei bern fen jimme bern.

Hwent dy hjar for 't forkearde mije Scill' dêrfen fruchten sjen.

Oan de Alden fen 't Jongpear.

Wize ; Gezondheid klinkt in 7 rond.

Hwet aider wol syn bern Net graech gelokkich sjen

Yn disss wrald ?

Hja ha mei soarge en noed Fen lyts óf oan hjar hoed En wierne altyd yn noed For hjar bihald.

As heite let en ier Al jimmer warber wier

Om hwet gewin,

Den hied er 't wol ris stür, En 't foei him faken sur ; Mar alles hied er oer For 't hüsgesin.

As mem fen de iere moarn Ta jouns let jimmeroan

Die hwet se koe:

't Wier om hjar berne bést. Hja ginde hjar gjin rêst,

As dér hjar Ijeafiing lést Troch krije scoe.

Hjar treast by al dy striid Wier 't ütsjen nei de tiid Fen lean en rêst.

ocr page 24

20

Binne iens dy bern ris great En den mar net forkeard, Den telle de alden neat Hjar soarge en lést.

Sa sjugge jimme nou

Jim bern troch de echte trou

For fêst forboun. Nou hoopje wy, it lean For 't iivrich pal to stean Scil jimme net ontgean Yn 's libbens joun.

Bilibje oan dit jongpear Rju wille, jimmer mear

Fen nou óf oan.

Den krij' jim for 't gepiel, Mei moed en kreft as stiel, It wolfortsjinne diel, In earekroan.

FOR 'T JONGFOLK.

Wize : Hwet hist don Ijeaflik, riizjende simmermoam,

Prjeunen, frjeundinnen,

Al hwa 't hjir wêze mei,

Feinten of fammen.

Dat nimt net wei.

Eik moat syn bést nou dwaen En tige spil ütjaen.

Binne er güds fleurich,

Wy dogge mei.

ocr page 25

21

Hwent op in brilloft Foeget plezier en nocht. Hwa dy for ienkear Kwea der yn sjucht ?

Hjir passé stimers net; Dy sokke sinnen het, Ik scoe net witte Hwet dy hjir docht.

Wy ommers binne Frij en net oan 'e ban. Licht waeit it letter Oars op üs lan.

War jimme disse joun, Bring mar de kop ris roun Stadich hwet drinke, Dat haldt üs soun.

Twa fen üs kinders Trouden hjir hjüd de dei Feinten en fammen,

Dat is de wei!

Licht ha fen üzen ek Wer güden sa'n bistek, Om hjar to folgjen Gau efternei.

Lit se 't mar weagje, Dat is in goede saek, Hwent brillofthalden Fait yn üs smaek.

Kinne wy dat for 'n kear, Den sizz' wy: sokke mear! Siker, sa'n pretsje Komt net to faek.

't Jongtroude pearke Winskje wy lok op reis ; Dat jimme foarspoed Krije onderweis.

ocr page 26

22

't Giet jimme jimmer goed ! Hald altyd goede moed; Den kin jim mei 'noar Wille ha deis.

SELSKIPS-SA NG.

Wizb: Hwet scoe V lihben sonder sang.

Libje lang en libje soun,

Alle dy 't hjir binne,

Sjnch fornóege yn 't libben roun

• Krekt sa lang jim kinne.

Waechse er stikels op jim wei, Lit dy jimme n't lette.

Mij se hwet en sjuch er nei Hwêr 't jim foetten sette.

Hald altiden goede moed,

Hwet er fait to dragen.

Wês net al to folie yn noed Oer oansteande dagen.

Den bljuwt immen soun en bliid. Dy hjir 't minste grine

Komme maklikst troch 'e tiid En scill' 't ein wol fine.

Fal jim seis as stege skiep Net onnedich lêstich.

Yt en drink mei smaek en sliep Alle nachten rêstich.

Dy sa dogge scille joun Fleurich sjonge kinne :

Libje lang en libje soun,

Alle dy hjir binne.

ocr page 27

23

IT BÉSTE FOETSJE F04R.

quot;WiZE : Ik weet het wel, maar 'k zeg het niet.

As 't tsjinrint wirdt men min to moed En gnoarrich faek fen skik ;

Mar, frjeunen, dat is lang net goed,

It is forkeard, siz ik.

Dat keart gjin lésten buten dear, 't Forswierret mar yens pak.

It béste foetsje moat mar foar, ) rp , Den komt men bést to plak. ) '

Dy frolik is en haldt him goed By hwet er onderfynt.

Het trochgeans folie souner bloed As ien dy 't altyd grynt.

Oerdedich kleijen set gjin smoar,

Mar earder ongemak.

It béste foetsje moat mar foar.

Den komt men bést to plak.

In hopen siikje faek hjar treast Hjir yn 't Skiedammer focht;

Wer oaren bite en klauwe om 't meast, En ha gjin oare noeht.

Mar 't iene like folie as 't oar Is kleare bare lak.

It béste foetsje moat mar foar.

Den komt men bést to plak.

■Goefrjeunen, ho 't ek draeit of rint Yn disse wide wrald,

Ik leau dat hy it measte wint Dy by de streek him haldt.

Hwent as men rekket buten 't spoar Komt m' op in glydrich flak.

It béste foetsje moat mar foar,

Den komt men bést to plak.

ocr page 28

24

WER IN SEL8KIPS-SANG.

Wize: Fen de Ddtseke Polka.

Nou de soargen üt de holle.

Soargen jowt it fiers to folie.

Poart der mei! smyt se wei, ) . , Nou 't lis wille barre mei. )

Lit üs nearne swier oer tille.

't Is üs nou to dwaen om wille ;

Spring en sjong ! wy binn' jong Ea it libben giet syn gong.

As wy aide strampels binne En op trije skonken rinne,

Binn' we er ou. War jim nou!

Hwent dy tiid komt ridlik gau.

Lit de dompers hersenskrabje,

Lit se kibje, lit se rabje.

Libje wy bliid en frij,

Dêr bljuwt immen flinker by.

Lit güds dy 't net gyng nei winsken Spitich wêze op alle minsken, Mei gegryn, fol fenyn ;

Sokken ha de divel yn.

Tsjok fen bloed en swart feu galle Binn' se dy 't oer striekes falie. Hja binn' mis, dat is wis,

Om't de wrald gjin doafpot is.

't Bloed moat flot troch de ieren rinner 't Each moat helder bljuwe kinne ;

Alles stjurd wol to moed.

Dêrfor is biweging goed.

ocr page 29

25

Ja! de soargen üt de holle. Soargen jowt it fiers tofolle. Foart dêr mei! smyt se wei, Nou 't üs wille barre mei.

-e-

JOLLE EN JAPKE.

Wize : Fen Nicola.

Jolle sei tsjin Japke :

Weagest it mei my ?

Jonge né ! sei Japke,

Ik bin net for dy.

Set dat üt 'e holle ;

'k Jow om dy gjin bean.

ïige best! sei Jolle,

Ik scil hinne gean.

Hinne gean, hinne gean, ja, ja, ja ! ) twa kmr^

't Is gjin bean, 't is gjin bean, ha, ha, ha!)

Ik kin wol ien krije,

Japke, buten dy.

'k Hab in bürkerije Mei in fjirtieh kij.

Miede ha 'k en finne Njuggentich pounmiet.

•Japke stjürst my hinne,

'k Gean nei Klaze Griet.

Klaze Griet, Klaze Griet, ja, ja, ja! ) , ,

Klaze Griet, Klaze Griet wol my ha. )

Jonge né, sei Japke,

Al to haestich net.

'k Sei it üt in grapke,

Mar ik bin biredt.

ocr page 30

26

't Hie dy spiten letter,

Wie'st nei Kike gien.

Japke past dy better As in oaren ien.

Jolle, ja, Jolle, ja, 'k wol dy ha. ) _, 7

Jolle, ja, Jolle, ja, 'k hear dy ta. ) twa kear-

Wizb : In frije sin, in flinke moed. (Pryske sang, bl. 64.) Or: De Paus leeft heerlijk op deez* aard.

Kom frjeunen, nou ris oan 'e dis.

Ho fol fen geast in minske ek is,

Hy tsjinnet dóch for flesk en bloed To soargjen of it komt net goed. (Twa kear.)

Wy ha nou al sa'n poas oanien Us bést mei willemeitsen dien,

It komt nou oan 'e mage ta,

Dy moat ris wer hwet oanfier ha.

Nou frjeunen! smaeklik iten den.

Hjir is wol; nim er jimmes fen.

Pak goed fen alles yn, mar sa Dat jimme er moarn gjin lést fen ha.

ocr page 31

27

BT 'T SKIEDEN.

Op in bi kende wize.

Hwet moai giet durret meastal koart, och ja Wy binn' hjir yette mar in hoat, och ja! Nou wirdt it al wer tiid fen foart; Wy habbe üs nocht net, mar it moat,

Och ja ! och ja! och ja!

't Foldie üs hjir oerütte bést, o ja !

Dit het sa'n moaije brilloft wést, o ja! Dat waerden we oermoarn wer sa bean, Wy scoene er graech wer hinne gean, O ja ! o ja! o ja!

Wy tankje jimme, jonge ljuw ! o ja ! For alles hwet wy hawn ha nou, o ja ! Dit frjeunskipsblyk forjitte wy Net gau, al is dit feest foarby,

O né ! o né ! o né !

Kom ek by üzes mannich kear! o ja ! Wy wolle mei sa'n flink jongpear, o ja! Graech frjeunskip ha, jier üt, jier jn; Yn golle oprjuchtens, net yn skyn :

O ja ! o ja ! o ja !

Nou, jonge ljuwe! for it lést, och ja! Wy hoopje, 't giet jimme altyd bést, o ja ! Krij wille en lok by :t mietkoer-fol l Hab tank for alles en farwol!

Farwol! farwol! farwol!

ocr page 32

28

HEI IN TASPRAEK.

WiZE : Nicola, Nicola, ha, ha, ha.

Dat wier raoai! dat wier moai! ja ! ja ! ja ! Tige moai! tige moai! ha ! ha ! ha! ' Dy mynhear, dy mynhear spriek mar ta. Sokke mear! sokke mear moatt' wy ha!

DE SWARTE SPE6EL.

De Wiersizster moat in foege tinte om hjar hinne ha, as 't kin; oars kin 't ek foarby. Hja moat efter in tafeltsje stean mei hwet güd der op, dér 't bygelovige lju de grize fen oer de grouwe gean kin : ek in iepenslein boek mei mietkin-dige of stjerrekindige figuren, of oars rare printen ; ek in spil kaerten. En den de swarte spegel. Dy kin makke wirde fen in stik glês, dat men oan de'iene kant swart ferwet. Dat mat yn in boardpompieren omskot, mei twa deksels, dy moatte tagelyk optild wirde kinne en ek ien foar ien. Wirde se beide tagelyk optild, den sjucht men yn 'e swarte spegel. Wirdt allinne 't bütenste optild en 't binnenste bljuwt sitten, den sjucht men der op in great read hert yn de foarm fen hertenaes, — dêr 't forskate figuren yn teikene binne, dy 't onskildige nocht en wille bitsjutte moatte. Der moat soarge wirde, dat it folk dat dübeld spil net opmerkt. — It moat foarüt yn stilte ré makke wirde hokker feinten en fammen by de Wiersizster kom me scille en ek hwet kaert elk fen hjarren luke scil. Dêrby tsjinnet soarge to wirden dat de ta-spraken fen de Wiersizster sahwet tapaslik binne op de per-soanen dy by hjar komme. As 't nedich achte wirdt de taspraken hwet to foroarjen nei foarkommende omstannich-heden, den scil der meast wol immen to finen wéze, dy genóch rimelje kin om dat klear to spyljen.

ocr page 33

29

dn wlersizsteb spitekt it folk ta.

Kom, feinten, fammen allegearre!

Hwa wol de rjuchte wierheid hearre

Fen hwet er to bilibjen het?

Kom mar by my en skromje net.

Ik scil jimme üt de kaerten sizze

Hwer 't jimme yette bleat for lizze.

It mei plezierich wêze of min,

En tige best of net nei 't sin,

Ik scil jim krekt it lexum léze.

En 'k mij gjinien, dat mei net wêze.

Ik doar wol sizze : er het gjinien

Sint Adams tiden yet bistean

Sa knap as ik, om oan jim allen

To sizzen jimme lotgefallen,

Sa wier, sa düdlik en sa klear :

Sa die, sa docht it nimmen mear.

Mocht Akkemoai fen 't Fliet hwet kinne, •

Ik scil 't foarsiker fen hjar winne.

Aid Foek fen Heech koe ek wol hwet,

Mar hwet ik kin, dat koe hja net.

;k Hab jierren elterien studearre

Yn 't lan dêr 't jimme noait fen hearre.

Kom op nou, feintea, fammen ! kom

Mar binnen yn myn heilichdom.

Al is 't fen buten mar aid linnen.

De wiere wysheid is dêr binnen.

De earste feint freget nei 't takommende lot fen it troude pear.

De Wiersizster.

Jy freegje for de jonge ljuwe.

For.....en....., dy hjüd trouwe,

Hwet lot der weilein is for hjar.

Luk mar in kaert hjir üt, hawar ! De hertenaes ! Dat wol hwet sizze.

Ik scil him foar de spegel lizze,

De swarte spegel, dy strak seit Hwet yn dy kaert bisletten leit.

ocr page 34

30

Hja tilt de beide deksels op, leit de kaert op 't glês fen 'e spegel en docht den it doaske wer ta.

As nou yet oaren witte wolle Hwet lot hjar hinget oer 'e holle,

Dy kin 'k wol earst to reden stean.

Ik doch it for in billik lean.

De twade feint is in krudenier.

De Wieesizstek.

Frjeun, woene jy fen my hwet witte ?

Mei 'k mar in kaert jo lüke litte?

J y sjugge wol sa gel en blier ;

Jy binne fêst in krudenier.

Dy sjen by 't thé- en kofjeweagen In famke ek altyd blier yn 'e eagen,

Mei 'n frjeunlik praetsje er by; hja het Den de oandacht op 'e skealjen net.

'k Siz net, dat jy it dêrom dogge.

Dat jy graech kreaze fammen sjugge.

Dat is natürlik, om 't der yet Gjin wyfke jo op side stiet.

Mar wol!' jy mear fen my fornimme,

Den moat jy mar in blêdtsje nimme.

Hwet ha jy dêr ? De Maverfrou !

Dêr lês ik üt, dat ienkear jo Sa'n minlik skepsel 't hert ontfonket.

Dat mei sa'n klaverblêdtsje pronket Fen Ijeafde, deugd en soun forstan.

Hja libbet earne yn 't fryske lan.

As jy de kost fortsjinje kinne,

Bljuw den mar net to lang allinne,

Hwent sikerwier! den wird' jy 'twys Hwet Adam fielde yn 't Paradys.

Sjuch altyd . mar hwet om jo hinne.

Hja scil jo wol tomjitte rinne,

Dy moaije, Ijeave klaverfrou,

Dy 't yn'e widze laei for jo.

De trêdde feint is in smid, of immen dy 't mei izerwirk of sahwet to dwaen het.

ocr page 35

31

De Wikrsizster.

Jou doel scil, tink ik, ek wol weze, Ik moat for jo de takomst léze.

Lük mar in kaert, dat is 't bigjin. De hertenfrou. Dat stiet net min. Ik sjuch, jy tinke hast to trouwen, Dat komt jo, leau ik, net to rouwen. It famke, dat jy ütkard ha,

Draecht jo in hert fol Ijeafde ta.

As jy hjar ek sa tadien binne,

Den scill' jy 't best mei hjar birinne. Jy gean mei izer om en stiel,

Mar habbe fêst gjin iz'ren siel.

Jou güd, dêr scill' jy wol om tinke, Moat altyd as in spegel blinke.

It mei net ruskje, ho gering.

De Ijeafde is ek in noedlik ding, Dy moat ek blank en helder bljuwe. Oars rint it mis mei troude ljuwe. Pas altyd op jou saken goed,

Mar stean ek foar jou Ijeafde noed. Om se altyd suver to biwarjen.

Bigjinn' jim soms to harrewarjen,

Slaen daelk dat ierdmantsje op 'e kop. Oars waechst it licht ta'n divel op. Sjuch, as jy dêrfor altyd weitse, Den scill' je in bulte wille smeitse ; Hwent is jou güd hwet hird en swier. Jou oansteand wüf is seaft en blier.

De fjirde feint is net heel jong mear.

De Wiebsizstbr.

Jy binn', ha 'k jo nei wierheid sketten, Al for de skutterije metten.

Mar hear jy graech fen my hwet mear. Luk mar in kaert, den komt it klear. De skoppenboer! Dér scoe me op roppe Fen dinder ! Hwêr wol dy jo skoppe ? Ik scil 't jo gau forklearje, man ;

ocr page 36

32

Hy wol jo bringe oan jou foastan ; As jy jou libben sa forslite En net jou tiid to brükén wite, Den wirde je yn 'e fodkoer skopt, Wyls 't alles jo tomjitte rept: De minske is hjir net om allinne To libjen. Sjuch mar om jo hinne, Ho 't alles grienet, waechst en bloeit, En ho^ 't it jongfolk frijt en djoeit, En ho'n bult pearen blide ljuwe Yn disse dagen al wer trouwe. De jonger ein giet jo al foar ;

Binn' jy allinne toar en soar?

Well' jy jou libben sa fordutsje ? Dat kin jo seis noch oaren nutsje. Dat moat net. N'ini in oanriu mar ; Hjir op 'e brilloft is wol kar.

As jy de line om 't hea mar lizze, Den lit in fanke hjar wol sizze.

En ha je 'n fïïgel yn 'e kau,

Den binn' jy bliid, dat siz ik jo;

De fyfte feint is frijhwet jonger.

De Wiersizstbr.

In feint sa fol fen libbens-wille,

Scoe dy nijsgjirrich wêze scille Tc witten hwet it libbens-lot Him jaen soil ? Nou, dat neam ik sot. Mar lük in kaert. — De Mavertsien! Dat 's ommers allegearre grien.

Hwet wol dat sizze, tink' jy nou? lenfaldich dit, forklearje 'k jo :

Ploaits jy de blommen dy 't jy fine ; Liz 't stadich oan, den brekt de line Net gau. Fornim er mar net nei, Hwet jy yn 'e takomst wachtsje mei. Hwent koen' jy dat ris sjen of hearre. Licht scoe 't jou libbens-nocht bidjerre. Pas op jo seis by nacht en dei,

Of oars sein: bring jo seis net wei.

ocr page 37

33

-Ty halde, mien ik, wol fen farren;

Mar as jy sile op fearfc of marren,

Den hald' je 'n each yn 't seil, net wier ?

Doch dat by alle', let en ier.

Draech soarg mei nije freamde dingen

,To seis net yn tsjokwaer to bringen.

Hwent hynzers sonder kop en grom

Binne ek gefaerlik. Tink er om,

Dat je op in filesovepide (1)

Yet net ris nei de moanne ride,

Of yn in aide moddersleat.

Mear siz ik jo for diss' kear neat.

De sechste feint is oan 'e deune kant.

De Wibesizster.

Ik lykje 't hjüd wol drok to krijen: Der is fordeald al wer in nijen.

Wol dy ek fen syn libbens-paed Hwet witte ? — Luk den mar in kaeri. De klaveraes! — Nou kin 'k bigripe, Jy binn' goed ütslept en bislipe.

Jy passe wol op klaveraes;

Dat is yn disse tiid net dwaes.

Mar as jy dat mei nocht dwaen wolle, Krij 't den foaral net yn 'e holle Dat inkeld for jo sels to dwaen.

Nó, scil 't jo rjuchte wille jaen. Den moatt' jy net allinne bljouwe, Mar mei in snipper famke trouwe, Dy't ek goed op hjar saken past. Den komm' jim tieurich oan 'e kost. Doch lyk as dy twa dy dêr sitte,

En hjud hjir brilloft-halde litte. Sa'n wisfe knikker lyk as jo Moat hjar mar folgje ridlik gau.

Sjuch lit jou eagen alle dagen,

Den wird' jy stellich net bidragen.

•3

1

Velocipede.

ocr page 38

34

De Ijeafde makket follen blyn,

En dy forgapje lijar op skyn.

Mar jy kinne eclit en falsk wol skiede..

En litte jo net gau forliede

Troch flikkerglans of hól geblaes.

Jy binne fül op klaveraas

En scille stellich wol ien fine,

Dy 't mei jo lüke wol ieu line.

Kou komt dêr in faem.

De Wiersizstee.

Kom oan ! dit mei ik nou ris lije.

Ik tocht al, scoe 'k gjin lammen krije-To freegjen nei hjar libbens-wei ?

Binn' dy dêr net nijsgjirricli nei?

Dat scoe bysonder hjitte kinne.

As froulju net nijsgjirrich binne,

Den binne se ommers net sa 't heart. Mar kwea nim ik it hjarren net;

Hwent ommers troch nijsgjirge ljuwe Moat just myn saekje fleuricli bljuwe. Dus famke, hald jo mar bidaerd,

En luk nou, as 't jo bijeaft, in kaert. De hertentsien ! — Wol, dat is tige ! Nou ha 'k it yn 'e rekken krige: Sa'n eagen wirde er hjir en dór Al op it famke smiten, hear.

Ja, dat binne allegearre herten,

Dy winskje 't lot mei hjar to partenr En wolle hünderttüzen smerten,

As 't wêze moat, wol lije om hjar. Dus faem, jy habbe romme kar.

Wês jy nou op jou iepenst mar.

Dat je lit dy heap de rjuchte pakke. Der wirdt soms ek parade makke,

Troch snaken, dy 't je op 't lést forlakke. Mar jy binn' net sa bare dom,

Jy tinke dêr wol efkes om.

ocr page 39

En kin je ien fine dy je 't miene,

Hiild jy jo den mar by dy iene,

En stap den op 'e libbens-wei Mei him it pear fen hjüd mar nei.

Wer in faem.

De Wiersizster.

A1 wer ien ! Woll' jy hjir mar komme Wés for quot;t aid minske net biskromme, Dat yn de tsjustre takomst sjucht,

Hwet leed jo wachtet en hwet noclit. Mei 'k mar in kaert jo lüke litte ? De Idaverfjouwer ! Sa 't jy witte Is dat in teiken fen gelok. De Idaverfjouwer waechst net tsjok. Yn klaverlan, yn miede of finne Seil immen selde ien fine kinne ; En sjuch ! jy fine 'm hjir sa mar. Dat teikent goed, hald ik er for.

Hwent fammen lyk as jy ien binne,

Seil me ek net folle fine kinne.

Ik liz jo 'n bulte wille ta,

Omdat je er tige slach fen ha Oeral rju wille to forsprieden En alles nei jou han to lieden. Ja, lokkich is de man, dy 't jo liiloze kin troch Ijeafde en trou,

Dat jy jo fêst oan him forbine.

Hy seil in klaverfjouwer fine ;

En yn syn hüs seil dei by dei,

Hwet waer 't dêr buten wêze mei, De sinne jimmer frjeunlik blinke. Jy moatt' mar goed om alles tinke, En met de rjuchte Jozef jo,

Slaen den biljeaven him net ou.

De trêdde faem is in boerefrominske.

De Wi hrsizstek.

Dêr sjuch ik wer in famke kommen. Ik hie 't wol oau my seis fornommen.

ocr page 40

36

Dat jy hjir wêze moasten hjud.

Non binn' je er al en dat is goed.

Hjüd is 't jou dei, moarn wier 't gefaerlik.

Luk mar in kaert. Ho wonderbaerlik

Kin 't somtyds treffe! — Klaverboer!

Nou ha 'k it dalik op 'e loer.

In boer dy 't lannen het en grounen,

De remt ryksdaelders ek en gounen,

Effekten en mear sok gerei,

Nimt mei 'e tiid dit fanke mei.

Honear? Dat leit foarearst yn 't tsjuster.

Mar langer lyn as bet-earjister

Do ha dy twa elkoarren met,

En dat het mear as frjeunskip set.

Nou, as 't him om in flink boerinne

To dwaen is, mei er oeral rinne

Foar dat er better fine scil

En dêrom, fanke, wês mar stil

En wol to moed en onbiskromme ;

It scil wol hast yn oarder komme.

Ik wit hy wol gjin oaren ha.

Liz jy jo mar op plichtdwaen ta,

En lit den frij de ljuwe rabje,

Ouginstich wêze en hersenskrabje,

't Komt jo net oan 'e kalde klean.

Hald jy mar moed! it scil wol gean.

De fjirde faem is in jitfer, of liket dér op.

De Wieksizster.

Kom, jonge jiffer! dat mei 'k lije.

Dat jy ek myn wiersizzerije Forsiikje. Woen' je 'n kaertsje ha ? Hawar! pak, as 't jo bleaft, mar ta. De rutenacht! Hwa wit ho folie Scoe mannich for dy kaert jaen wolle. Mar dat jout neat, al komme er tsjien; Hy is for jo, oars for gjinien.

In hüs mei greate spegelruten,

In pracht fen binnen en fen buten,

ocr page 41

37

Wirdt de iene of de oare tiid jou went. Ho lang, dat is yet onb kind.

Dêr scill' jy lokkich wêze kinne As je yn jo seis tofreden binne.

Oars scil 't jo moglik net 1'oldwaen.

It kin ek maklik sa bislaen,

Dat lju dy 't op 'e heide hüzje En dei by dei yn 't san omgrüzje, 't Sa goed wol habbe nei hjar sin As jy den. Dêr wit ik net fen.

Dit wit ik wol; dy earme sielen,

Dy bouwe dêr gjin loftkastielen.

Dy dêr mei piele habbe faek Op bljuwend lok net folie raek.

Mear hab ik nou net to fortellen.

Ik ried jo yette ta jou bést,

Jo net tofolle foar to stellen.

Den fait it maklikst mei op 't lést.

De fyfte faem is forsein, of dat wirdt dêr for balden.

De Wiersizstku.

Jy woenen ek fen my bwet witte? 't Is goed; dat kin wol lokke yette. Myn ginst! hwet bin jou hannen kald. Wit jy hwêr 't ik it nou for liïild V Jy binn' forsein oan de iene of de oare f Ja, 'k seoe dêr wol op swarre doare. Lük mar in kaert, den wit ik 't klear. Sje dêr ! dat is de hertenhear !

Nou ha 'k de hele saek ontdit^en. De hertenfrou is niis hjir litsen.

Scill' jy licht dy jongkearel ha ?

Dat liket my oerhearlik ta.

Is hy jow sin en jow bihagen.

Den krij' jy mei him bliide dagen.

Hy is net hird en kald as stiel,

Mar seaft as side en as ierwiel.

Hy scil jo streakje, fiaeije en troaije. En altyd grif jou sin wol roaije. —

ocr page 42

38

Bileaning wol 'k fen jo net ha Mar komt it oan jou brilloft ta. En kinn' jim ray dêr ek by brake : Ik scil gjin fize nmle liike Por 'n hapke beane op brandewyn. fjiz jy in goed wird ior my yn. Den rint it lok, dat alle minsken Sint Adams tiid elkoarren winsken, •To yn jou houliks-libben ta.

Hawar ! ho vvoll' jy 't better ha ?

Non moat ik ek ris ondersiikje :

Ho scil de hertenaes nou lykje,

Dy 'k yn myn spegeldoaske ha?

Dg A\ iersizster docht nou t iene deksel fori 'e spegel iepen 't oare bljuwt sitten. Dêr stiet in great read hei-t op. dat hert is de roune wrald teikene, mei alderhanne figuren • op, Jy onskildige iiocht en wille bitsjutte moatte.

Hwet is dat hert forgreatte ! ja,

In hele wrald fol nocht en wille Sjuch ik dêr yn. Nou, jimme scille Bigripe fêst, dat dit it hert Fen 't nij jongpear forbieldsje moat.

Mar ha se den mar ien togearre ?

Wel wisse! dat wirdt sa forklearre:

Hjar herten binne raend oanien.

Ien hert en sin ha hja gemien.

En dértroch sc 11' se lokkich woze ;

Dat kin ik ut de kaerten léze.

It houlik, dat is faek al sei,

Rint altyd oer gjin sljuchte wei.

Mar meije er soms ek rampen komme Myn jonge frjeun, wês net biskromme For 'n bytsje lest of lytse skea.

Dy dwaen yen dalik net de dea.

Jy scille jo wol warre en reppe,

En 't wyfke scil wol mei jo skreppe ;

H;a makket grif hjar plak wol skiën.

In help sa minlik en sa grien

ocr page 43

39

Scil jo it libben sa forswietsje, Dat 'jy it lok folop genietsje. Ik hoopje dat ik j immerwei Fen jinnne soks fornimine mei. In sekfol winsken op to lézen, Dat scoe, tinkt my, oertollicli vvê/.e. Jim witte, sonder d,vt ik 't si/.. Dat jimvie lok ek mines is.

cfcriUofiS'óic/ii.

De wrald wirdt aid, de wrald wirdt jong, En folie saken gean hjar gong

Allyk as lang tofoaren.

Dc troude ljuvve krije bern,

Dy wirde ringen great en sjen Den ek wer lit nei oaren.

Dat frijt den soms in hele poas,

Den foar de wyn en den wer oars;

It jowt faek hwet to stellen.

Men mient de striid is al tblbrocht, Den wirdt de hope, ear 't men 't tocht, Wer ond'r 'e toetten helle.

Mar op it last den komt it klear.

Den is der oars gjin letsel mear

As ho de kost to winnen.

Den stiet it oan in boerkerij Of oan in oar bidrjuw, hwêrbj Men side tinkt to spinnen.

Den dêrom swalkje 't lan yn roun. En het men 't al syn dagen foun, Den kin min kening kraeije.

ocr page 44

40

De minsken roppe elkoarren ta: Wit jimme t ek al ? Mei lt;1y twa Sell 't wêze takomm' maeije.

Sa krige ek wer dit jonge pear De saek mei glans ea eare klear.

Nou sjen se neat tomjitte As nocht en wille sonder ein.

Ja, lang al waerd der tocht en sein: Safolle dagen yette!

Safolle dagen, den binn' wy Yn eigen dwaen en bliid en frij,,

Troch de echteban foriene.

't Is oft de tiid bynei net eint, Sei faek it fanke tsjin de feint,

As hja togearre wiene.

Al halden de aide lju hjar foar : Mei 't trouwen iepent men de doar

Fen rju bikommernisse;

Hja tinke: Mient men 't elkoar goedT En wirdt it spil mei oerliz stjürd, Den kin men folie risse.

't Foamt«jen is al kleare nocht.

En as men somtyds wolkjes sjucht,

't Is krekt oft dy fordwine. Hja scille, hoopje se, op hjar wei, Hwet faek in oar dêr ek fen sei,

Meast altyd roazen fine.

Mar ongelokken farre mei,

En dy 't hjir siikket om in wei Dêr 't him gjin stikels lette : Al siikket dy ek hondert jier, Hy bringt it noait bysondre fier, Dêr kin er him nei sette.

ocr page 45

41

Dy 't, as er hwet yn 't onleech sitT De inoedfear dalik hingje lit

En leit it op in grinen Oer 't knipen fen 'e houliks-ban : Dy het it net goed foar 't forstan Hwêr 't baet by is to iinen.

Mien net, dat immen dy net trout, Gjin lésten troeh it libben sjout.

Hy libbet as forlitten En fynt yn tiid fen leed en smert Faek nimmen om 't forkroppe hert Fortroulik leech to jietten.

Né, lésten kinn' wy net ontgean, 't Sy troud of dat we allinne stean.

En dêrom, jonge ljuwe,

Fyn ik it ek ien jimme goed, Dat jimme nei goed oerliz hjüd Mar foart wést ha to trouwen.

Jongman! doch jy jo bést as boer: Jongvvyfke ! pas op 't hüsbistjür

En siikje jimmer 't béste. Dêr soundheid by en goede moed Hawar! dat winskje 'k jimme hjüd, Pen nou óf oan ta 't léste.

ocr page 46

Freugde en Frjeunskip.

SANG-FOARDRACHT

In pear lju, yctte jong, sitte yn in ienfdldige went foar in iepen finster, en sjonge.

Wize : Op een schoonm zomeravond.

Scoe men hjir net nochlik sitte ?

't Waer is seaft en 't fjild is grien;

Blommerook waeit üs tomjitte.

Hark ris! kloppet der net ien ?

Klop klop klop, klop klop klop klop klop klop.

(tiva hear.)

It refrein wirdt songen op fjouwer stimmen, twa yet efter lt;le skermen; wiles wirdt efter de skermen ek oan 'e doar kloppe, op 'e mjitte fen 't sjongen.

Hwa scoe dat jet wéze scille ?

Siz, hwa kloppet hjir sa let ?

De Preugde, yet efter 'e .skermbm.

Ik bring jimme nocht en wille ;

'k Bin de Preugde, kear my net.

Klop klop klop, klop klop klop klop klop klop.

(twa kear.)

It Pear, fen binnen.

Preugde! Preugde! né wy binne

Net op golle freugde tsjin ;

Mar komt Preugde lykme allinne,

Dat is dóch üs net nei 't sin.

Né né né, né né né né né né. (twa hear.)

ocr page 47

43

De Fübucjde, ken buten.

Ik bin net allinne kommen ;

Prjeunskip, altyd my sa trou,

Hab ik op 'e .side nommeu ;

Mei' wy binnen komnie nou ?

Klop klop klop, klop klop klop klop klop klop.

(fica hear.)

It Pear.

Hest de Prjeunskip oan 'e side,

Prjeunskip frij fen alle skyn,

Dy üs al sa faek forblydde ;

Kom mar yn den, kom mar yn!

Ivom kom kom ! kom kom kom kom kom kom!

(ttvu keur.)

Onder 't sjongen fen it refrein wirdt de doar iepen dien en Preugde en Prjeunskip komme op 't toaniel. Preugde is i'.i jongl'eint fen in jier of sechstsien, yn in grien kostüm, forsierd mei blommen en goud. In giele hoed het er op, mei in kranse der om fen reade en giele blommen. In fyoele of oar spylwirk het er yn 'e han. Prjeunskip is in jongfaem yn 't wyt, mei los bier, dat hjar oer de skouders hinget, en in griene kranse om 'e holle, mei forjitmynet-blomkes der yn. In lyts wyt houndtsje het se op 'e earm of oan in koarde by hjar rinnen.

Hja sjonge togearre :

Goeden joun ! kinn' wy lijir bljuwe ?

Ha jimme onderdak for üs'?

By oprjuchte tige ljuwe

Nimme wy sa graech üs thüs.

Ja ja ja, ja ja ja ja ja ja. (twa hear.)

It Peatï.

Wolkom ! wolkom binne jimme!

Preugde en Prjeunskip han oan han

Scoe men yu 'e hüs net nimme ?

Dat wier bjuster onforstan.

Ja ja ja, ja ja ja ja ja ja. (twa hear.)

ocr page 48

44

Fkeugde en Fejeunskip.

Ja, wy reisgen hjir nou hinne Om 't üs tocht, yn disse tiid Scoene hjir güds wêze kinne

Mei üs komste tige bliid.

Ja ja ja, ja ja ja ja ja ja ! (twa hear.}

It Pear.

O! hwet treft dat moai en tige.

Sjuch, dér sit in nij jongpear.

Dat syn heechste winsk forkrige.

Hjüd boun hjar it houlik gear.

Ja ja ja, ja ja ja ja ja ja. (twa keur.}

Freügde en Fejeunskip.

Den binn' wy hjir komd as reppen.

Nij jongpearke ! leau mar fèst,

Freugde en Frjeunskip binn' fen boppen

Saeijen komd ta jimme best.

Ja ja jagt; ja ja ja ja ja ja ! (twa hear.}

Wille woU' wy jimme bringe,

Ja, wy scille folie swiet Troch it sure en 't bittre minge,

Dat it libben jimme biedt.

Ja ja ja, ja ja ja ja ja ja! (twa hear.}

Wy scille yn disse oarde bljuwe

Sa lang dat mar dürje kin.

Om to meitsen alle ljuwe

Mei jimme iens fen doel en sin.

Ja ja ja, ja ja ja ja ja ja. (twa kear.}

It héle Sklskip.

Freugde en Frjeunskip ! ja wy scille

Heeeh jim achtsje ta oan 't lést.

Hwent it libben jowt gjin wille Sonder jimme, dat stiet fêst.

Ja ja ja, ja ja ja ja ja ja! (twa kear.}

ocr page 49

45

Hwet jim ek bilibje meije

Nij jongpear ! üt jimme went Vreugde en Frjeunskip noait forjeije:

Hjar bihalde, ho 't ek rint.

Ja ja ja, ja ja ja ja ja ja ! (twa hear.)

As wy Freugde en Frjeunskip misse

Binn' we er tige min oan ta.

Greate lésten kinn' wy risse

As wy help i'en hjarren ha.

Ja ja ja, ja ja ja ja ja ja. (twa hear.)

In stikje fen Kotzebue frij mifolge en Mange.

BE AIDBOER.

De „Fryske 'Tsjerne'quot; fen Gysbert Japiks for arbeidde en brükber makke for lis ti'd.

Ik winskje jimme lok, jongman en jonge frou! Dat Ijeafde jimme bynu' altiden lyk as nou.

Ja, libje lang en soun en blüd aloan togearre!

■Gjin tsjinrin of fortriet moat jimme lok bidjerre.

Do 'k yn 'e koken kaem, dêr wier in swiid gerid Fen warber tsjinstber folk ; 'k sei: dit reitse ik yn 't lid As 't wiif de wirtel die. Dit scoe my ek wol flije.

Is dit de himelwei ? Lit my den ek mei lije.

Dat wier: skik oan! ik iet my dêr in roun swiet lüf. Ik tochte, hie 'k hjir ek de mage fen myn wiif,

Fen üs twa greate bern en üs healwoechsen jonge, Ik troppe dy sa fol as 'n pas-opblaesde bonge.

Mar doch dyn bést mar! de büklapper is net dea.

lt;Jear iten tynt net üt, goed bier is ek net kwea.

ocr page 50

46

't Is hast it selde spil as mei de kiezerije

For lju fen 't dyksbestjür, nou foar in jier of trije.

As 'k tiisdeis yn 'e stêd den earne gyng of st ic.

Den wie 'r al skielik ien dy boadskip oan my hie.

Ja, sikerwier, op eltse hoeke fen in strjitte

Kaem my in gnede frjeun, dy 'k nauliks koe, tom jit te.

Den wie 't: Dei, Tsjebbeboer, lio giet it ? Ik bin bliid

Dat 'k jo ris sjuch. Kom yn ! jy ha wol efkes tiid.

Hjir is tabak en bier. Wol je ek hwet mei us ite ?

Dy stêdlju hiene den for 'n kear in rynske rite.

Ik wier hjir hinne komd om jo hwet jild to jaen. in t liket my sa ta, hjir is wol hwet fen dwaen. Tk sjuch my amper blyn ! is 't himelryk to finen Op ierde, den is 't hjir. 't Is neat as sinneskinen. It bleakret yn myn each fen silver en fen goud. J' Is svyiid hwet de yngoe God al oan 'e minsken jout. 't Is bjuster en onfoech ! hja kinne t iten meitse As bisten, blommen, griente, en dat kin vette smeitse. De beammen waechse hjir, sa 't liket, op 'e flier,

t Grien oan e mürren! 't is onbidich. sikerwier! Dér flaggen twisken yn, dy lykje wol fen side.

't Is krekt as scil de Hear hjir yn Jeruzlim ride. O, sauntsien en gjin ein ! hwet ha jim hjir in nocht. De wrald is op 'e rin ! Ho wirdt it sa bitocht ?

Do k boaske wier mei Ynsk (hwet wie 'k do vet in jobbe!' En hja goesloot wier jong !) hwet ha 'k do patte en sobbe ! Hja wier sa gol en froed, sa loddrich en sa swiet. O jeugd, o swiete jeugd! Ik makke in sjongsum liet Por hjar en my do op üs eigen frijerije.

Soks koe 'k do yn dy tiid wol aerdich by 'nosr krije.

Wize: TFaar is Keetje, icaar is Keeve?

Hea ! hwet famke giet dér hinne ?

Is dat Ynske Widmers net'?

Ynske Ijea, bist hjir allinne Op 'e joune yet sa let?

ocr page 51

47

't Eint for dy Nou, tinkt my.

To forfelend en to ienbk.

't Is for my net mear as binlik, Dat ik dy oan luis ta bring.

Hest dêr neat op tsjin, Ijeaf ding?

Tsjebbe, lit dat! Sjuch, dor jinsen

Stiet ien oer de büthüsdoar Spitich kypjend, — dat is Rinsen ; Dy giet ommers by dy foar. — Né, ik lij Ynsk om dy Saunticbtüzen deaden, fanke !

Rinsen ha 'k al lang bitanke.

Hja bet yet bistek op my,

Mar ik set myn sin op dy.

Fij ! dêr scoe men grien op wirde.

't Slimste is, dat ik dy net lean. Kinste 't büten my net hirde ?

't Is to gek, it is to sleau.

Jow dyn kar Rinske mar. —

Ynske, né, dat mei net wêze.

Nimmen oars kin my genêze Een myn bertsear en biswier As moai Ynske, dat is wier.

Fij ! kin ik dyn leed fordrjuwe ?

Non, hwet woest den dat ik die ? Liet ik dy non by my bljuwe.

Elk sei, dat 'k dy boaske hie. — Ynske, 'k woe Dat dat koe. —

Tsjebbe, liet ik my bilêze,

Scoest don dêr mei tsjinne wêze ? — Ljeaf, oerfloedich ! is 't den sa ?

Ja, ik sjuch don stimste ta.

ocr page 52

48

Jongpear, jira habbe 't hjüd ütwrydske wraldsk en wyld. De breid dy sit der as in fyn albastren byld,

Sa oer'e mjitte moai mei pronksieraed bihinge,

Dat ik moat hjar oansjen, ik kin my net bitwinge. Ja, al hwet ik hjir sjucb, hwêr 't ik myn eagen draei, Dat sa moai as 't kin, sa Ijeaflik en sa fraei.

En lykwol, brêggeman, jy meije sliepe of weitse,

Lean ik, jy scille jo mei hjar net mear fonneiise As ik mei Ynsk. Ik gin 't jo tuzenkear sa goe! -Jy liiene alheel jou winsk as ik it skikke koe.

Ha jy in hert as ik do ik dat sangkje makke,

Den is jou wille hjüd, scoe 'k tinke, alheel folmakke. Do wie ik yn myn skik ; och feinten! 'k wie sa ryk. 'k Tocht yn 'e wide wrald is nimmen ray allyk. Myn Ynske wier myn al, myn Ynske wier myn wille; Myn hert dat wier sa licht, in goezzeplom koe 't tille. Fyngouden uarste jier! ho rêd roanst dou to'n ein ! Wy sylden mei 'e pream, wy jotten mei 'e wein, Nei oarreheites nou en den nei Ynske raigen,

Of nei üs raoaike-en-hjars, dér 't wy den hüsrie krigen. Sa gearren wy it goed togearre mei üs twaen.

O ! for prins Predriks steat woen' wy üs lok net jaen. O, njuggendübeld swiet, as ik myn ingelswiete Sa op 'e side siet, den hie myn lok gjin raiette. 't Neitinken dêrfen is yet folie swietter my As süker en keniel oer tsjokke rizenbrtj.

Dêr wier gjin deijen oan, ik scoe dêr goud üt smeije! En hja woe lyk as ik; neat koe üs nocht forjeije. O, jouwrengroat! hwêr bljuwt myn tiid ? Nou, 't is gjin

[bean!

Hwet praet ik roun yn 't boun ? 't Ts hege tiid fen gean. O, deale! koe 'k mar gean! hwet skeelt der oan myn

[skonken ?

De holle rint my om : ik bin foarsiker dronken.

Ik ha myn buk sa fol, dat 't net skolperje mei. Nou, jonge ljuwe! ik tankje jirame en siz goen dei!

Tsjebbe sjongt, heal yn 'e süz nei lifis geande.

ocr page 53

49

WizE : Bij V hjir mei oprjuchte trouwe (Prjske Sang, blêds. 49.)

Swiet, ja svviet is oer 'e mjitte 't Boaskjen for de jonge lie.

Kreftich swiet is 't, siz ik yitte,

As it giet mei alders rie.

Mar oars tiget it ta 'n pleach,

Sa 't ik oan myn geafeint seach.

Croudne Swobke, lit üs pearje,

Bea hy hjar mei mylde stmi.

Och, sei hja, ho scoe 'k dat klearje ?

Witst dou rie ta heit en mem?

Ljeaf, dat nim ik ta myn lést.

Dêrmei wier de knotte fést.

1t Waerd in pear; hja moasten ite.

Mar hja hiene gjin gewin.

Heite seach as woed er bite.

Mem wier tizich, lef fen sin,

Och ! sei se, elt-e jier in bern!

Wier 'k yet faem ! ik woe 't sa jern.

Hoaite en Hoatske op snein to keamer Makken 't mei elkoarren klear.

Tetke krige Sjolle kreammer Op Sint-Steffen of Nijjier.

Nou rint elkom as in slet

En bikleije 't, mar to let.

Oeds die better, nei 't ik achtsje,

Do 't er Sets syn trou tasei.

Hy liet de alders effen plachtsje Hwet dy beide joegen mei.

Non bisit hy hüquot; en skürr'

En syn bern fleane all'man oer.

()i-k, myn soan, wot dou bidije.

Bin net oan krekt as in mol.

Jeld en rie lit mei dy frije,

Bern, den gean dyn saken wol.

-Ja, den scil oer al dyn dwaen

Wis de himel segen jaen.

ocr page 54

so

TASPRAEK.

Goefrjeunen ! ik woe wol it wird efkes ha.

Doch jimme, forsiikje 'k, it harkjen dor ta. Ik winskje oan it pearke, nou el kes forbouu-In wirdtsje to sizzen wolmienend en roun. Ja, Breid! dy 't it alderlik Ms nou forlit, En Bréggeman ! dy 't oan hjar side dêr sit,

Ik kin dêr net iiij fen, it leit op myn wei Tsjin jimme to sprekken hjir op disse dei.

Nou lèz ik myn winsken yn ienen mar op. Ik winskje jim earst it gedild ta fen Jop.

Hvvent is dêr in hopen hwêrsonder men 't rédt, Gedild, siz ik jimme! dêr sonder kin 't net.

Gedild is, leau ik, for de man en for 't wiif Allike onmisber as iten yn 't liif;

Foaral as dêr bern koinme. En bljuwe dy wei, Den tink ik,. dat me ek wol gedild habbe mei.

Den winskje 'k yet fierder. — it nimt my neat ou Jim hüslik gelok ta, 'n onbidige sjou!

Mar dit ha jim seis tige mei yn 'e macht; Dat slane rju minsken net heal genóch acht. Nim dêrom fen my; oan 't bigjin fen 'e baen In rie oan, dy 't net yn 'e wyn is to slaen. Jongman en jongwyfke! onthald it altyd, Dat tsieren en kibjea de wille forsmyt.

It troudwêzen giet al fordealde ongelyk.

Do himel is 't soms, mar de hel ek wol lyk. Mar mei me er in hel of in himel oan ha.

Grif docht men dêr seis altyd frijhwet mei ta-En dêrom, jongpearke, stel ik jimme foar:

En lit dat lyts diveltsje noait binnen doar, Det tsjettersucht hjit. Doch aloan jimme bést For 't bljuwend bihald fen de frede en de rost.

ocr page 55

51

Nou leit der my yette sahwet op myn hert.

Dat 'k ck mar gau efkes dêr ou smite moat. It wyfke, nei 't Paulus seit, is in swak fet,

Dat faek fen de sterke wol help nedich het.

De man moat hjar hoedsje, forearje en ontsjen ; De kost moat er winne for hjar en de bern.

In man, dy 't syn wyfke forstannich regearret,

Hjar lekken fordraecht en hjar deugden weardearrot. Net swier oer in bytsje tsjin-eameljen tilt,

Gjin frjeun is fen tsieren, gjin slaef fen syn jild ; Dy 't spielen «n himmeljen draecht mei gedild, Eu jout, as 't ris tsjinrint, syn wiif noait de skild ; Dy, wirch fen 't geskrep yn syn daegliks bidrjuw, Syn nachtrêst graech mist for 't lytsberne-geskreau : Sa'n man haldt by alle biswieren en knis Sa grif as in klontsje de frede yn 'e hüs.

Nou gekheid oan kant. Jonge ljuwe ! 't stiet fost, 'k Sjuch graech jimme lokkich fen nou oan ta 't lóst. Ik winskje oan 't eiu fen myn heukerich dicht. Jim krigele moed ta for eare en for plicht.

En ho 't jimme giet, hwet jim haget of let,

Forjit jimme frjeun yn der iwichheid net.

IN BÉSTE MAN.

'k Hab in béste man, sei ïet. Better is dêr, leau ik. net; Wol hwet los en tige wif,

Mar hy mient it goed, dat 's grif.

len ding is my net nei 't sin. Hy fortsjinnet hwet to min En jout my de skild dêr fan.

Oars is Ruerd in beste man.

ocr page 56

62

Faken komt er mei in rus Jouns nei alven yn'e Ms.

Lilk en koppich is er den.

Oars is Euerd in beste man.

Mei de faem fen us kastlein Docht er 't nuver, wirdt der sein. Nou, dêr ba 'k gjin hinder fan ; Ruerd is oars in béste man.

Somtyds komt er dronken thüs En slacht alles hjir yn grüs. Ik krij inkeld ek in wan ;

Oars is Ruerd in beste man.

Lésten, ear 'k it wist of tocht, Het er stil üs béd forkocht,

En ik seach gjin cint dêrfan.

Oars is Ruerd in béste man.

Eltse minske het syn lek, Ik, fensels, ha mines ek.

Ruerd het nukken nou en den ; Mar hy is in béste man.

Hien' de froulju jimmerwei Sa mar oeral frede mei, —

Huslike onrést en getsier Gyng de wrald üt, siker wier

Lykwol, Brégg'man ! ried ik jo. Doch it net as Ruerd sa grou ; Hwent sa'n froed gedild as ïet Ha de measte froulju net.

ocr page 57

mo 't jquot;An\r

Dy 't om bjar jild in aid wiif trout

Foarspelt men, dat dit gau him rout.

„Jild,quot; seit men, „jout gjin wille en tier,

As 't wiif net aerdich is en bl er.quot;

Mar Jan tinkt sa: In totebel

Mei 'n hólle müle en tearich fel.

Mei skylfisk-eagen en in noas,

Dy 't liket op in swartseldoas,

En bjustre meagre kromme lea,

Mei jild der by ; dat is net kwea.

Mar sjuch, men moat dêr hwet ta wenne.

In gnap jongwiif wol alles ha,

Knikt alle manlju frjeunlik ta.

Mei 't mültsje snipper yn 'e ploai ;

Hwent o ! hja fynt hjar seis Sii moai.

8e is graech op pretten eu bisiten.

En thüs den het se wol ris riten

Dat nimmen by hjar durje kin.

Hjar man moat nei hjar ti/.ich sin

Him skikke, en fen hjar dwerse holle

Gedildich alles lije wolle,

Oars wirdt se gek of fait se flau.

Sa 'n wiif is yn 'e mode nou;

Mar sjuch, men moat der hwet ta wenne.

ocr page 58

54

WizE : Kom Setsljeaf, kom, nou lceamer-op. (Lieteboek, no. 60.)

Ik kaem hjir mei myn brillen lans,

Nou kypje 'k efkes binne.

Ik tocht, dat is in bütenkans,

Hjir scil 'k hwet slite kinne,

Hwent s uch, for elk en ien,

Por minsken jong en grien En for bijierre ljuwe,

Por aid en griis, for dom eu wiis,

Hwet se ütsette of bidrjuwe,

Ha 'k brillen goed fen priis.

Poaral om op 'e houliks-wei

To sjen yn alle hoeken,

Ried ik jim oan, b3r nacht en dei Tn goede bril to brüken,

Pen 't helderste kristal,

Om altyd en oeral Op 't rjuchte plak to wêzen

En alle ding goed nei to sjen Troch skjinne suvre glêzen.

Oen giet der neat forlern.

Ik nim de frijheid, Brêggeman!

Jo earst ien oan to bieden.

Dy hjir troch sjocht wit for in plan Sa 't heart him to birieden.

Oy bril hjit „soun forstan.quot;

Por elk yn stêd en lan Scil dy onmisber bljuwe;

Skoan mannichien sa'n bril net het.

Mar, jonge troude ljuwe!

Dêr sonder kinn' jim net.

ocr page 59

Ën hjir ha 'k ien, dy moat de Breid

Mar op hjrr noaske sette,

Den scil se aloan mei goed bileid Op al lij ar saken lette.

Den wirdt hjar alles klear En helder, jiramer mear,

•Om altyd krekt to witten

Hvvêr 't plak is dêr se heart to stean, En nimmer nei to litten It rjuchte paed to gean.

In bril forgreatet noeastal hwet;

Mar disse net heel folie.

Ei né, hwa disse bril op het Sjocht alles oer 'e holle Hwet net in byt bitsjut,

En doch faek oarsaek wirdt Fen tsieren en fen kibjen.

Kom o;iii. hwa wol der ieu ien ha, Om tredich deis to libjen ? —

Gjin ien? Dat fait my ta.

Sjoch, ontofreedne miuskebern,

' Dy faek sa kleije kinne.

Hjir ha 'k in bril dy lit jim sjen Ho'n hopen lju dêr binne Dy 't lolle minder ha As jimme ont diss' tiid ta. Jim sjogge nei de hichte,

Dat is tofolle jimme pleach.

Oan 't kypjen nei de lichte Went disse bril jimme each.

Men seit, de Ijeafde makket blyn,

En 't liiket sa to wêzen.

Hjir ha 'k in bril dy tige fyn En helder is fen glêzen.

In feint dy hjir troch sjocht, Net licht in misset docht Yn 't stik fen frijerije.

ocr page 60

56

Hy kin mei help fen disse bril In stikje güd forkrije,

Dat net forblikke scil.

En hjir ha 'k for de fammen ien ;

Dy scil hjar tsjinje kinne As hjar in fnjer Ijeaf en grien Tofoaren praet len minne.

Hja kinne s.ien hjir troch Olt al dat sleau gedoch On-echt is of goed mienen

Dat foartkomt vit in suver hert. Den wit in faem yn ienen Ho 't hja mei sa'n ien moat.

Jiin wolle, leau 'k, yn 't iepenbier

Gjin brillen fen my nimme.

Dóch moatt' jim elk ien ha, dat 's wier Dêrom forsiikje 'k jlmme,

Kom mar to mük by my.

'k Onthjit jim dat ik swij.

'k Wol nimmens lok bidjerre.

Ik winskje nou oan disse twa,

En oan jimme allegearre In bulte wille ta.

TASPRAEK.

Heechachte jonge ljuwe ! ik mocht Mei folie wille 't nijs fornimme, Dat de oanrin, dy sa wannich docht,. Ek ondernommen waerd troch jimme. Om bonn to wirden troch it boask, Nei 't lange frijen trou en hoask.

ocr page 61

57

Ik hoopje dat der wiis bileid En fèste mond yn jimme wennet.

By al Ij wet op jim wegen leit Is neat hwet jimme better tsjinnet. Wês goed for alles ryp en ré,

]!y 't farren op 'e houliks-sé.

Bitoeftens, wolbiredte moed,

Komt meav as oars to pas yn 't trouwen. Fijannen kom me er folie en tsjoed, Dy siikje jimme leed to brouwen,

Troch ouginst, spyt, kwealaster, baet. Of nytgerij üt eigezibaet.

Mar fij! hwêr kom ik mei foar 't Ijocht ? Sa scoe 't bast lykje, dat ik jimme Yn ienen bang to meitsen socbt,

Troch 't sterke kleurjen fen it slimme. En dat it houlik, nei myn sin.

Net folie senders wcze kin.

Né, dat is lang myn miening net; Ik priisge 't houlik boppe miette.

Dy dér it rjuchte doel by het,

Dy mei yn wierheid lokkich hjitte ; As Ijeafde en deugd mar stean oan 't roer, Den glydt it skipke er maklik oer.

Hwet jout yen romte en greate steat, As 't hert gjin frede het fen binne ? En lest fen buten hindert neat,

As we yn us seis gelokkich binne.

Den giet men wol to moed yens wei, Ho hultrieh dy soms wêze mei.

Dat winskje 'k jimme, wearde twa ! Wês jimmer tierich en foarspoedich !

Nira dei by dei yn Ijeafde ta !

Bljuw onder leed en rampen moedich ! Ek winskje 'k jimme lok to sjen Yn 't blüd bisit fen Ijeave bern.

ocr page 62

58

Brincr fleurich jimme dagen om In hele lange rek fen jierren.

Bilibje in rêstige alderdom,

En ek it gouden brilloftfieren, En sjuch oan 't ein fen jimme baen Foldien tobek op al jim dwaen.

Tink faek en folie om jimme frjeun. Mei jimme lok scil mines rize,

Derom ha 'k ek dit rymke skreaun. Al is just net myn trant en wize Sa t nei de kinst wol wêze moat, t Komt üt in rjuclit wolmienend hert.

IH WYFKE MEI LINT ïdKEAP.

Pratende of Sjongende.

Wize : Bonjour, mijn allerliefste kind. (It Lieteboek no. 55.)

'k Siz jimme goeden joun, jongpear ! En allegearre, dy 't hjir mear Poriene binne op disse pret.

Ik mei der ek wol by, oars net ?

Ik doch yn lint; nou tocht my sa,

Der ma'k mei op in brilloft ta ;

Der kin ik licht negoasje dwaen.

Nou hoopje 'k, dat 'scil'hjir bislaen.

Sjuch hjir ris, Breid, hjir hab ik wyt.

Sa helder ynwyt is gjin kryt.

t Is 't sinnebield fen süvre trou En froede oprjuchtens. Dat past jo.

It wyt foreasket noed en soarch,

O ars wirdt it gau onsjuch en smoarg.

En mei oprjuchte trou en ear,

Dit witt' jy, leit it ek sa tear.

ocr page 63

59

Eu hjir ha'k veiul, sa fleurich bher As 't selde sjoen wirdt, is 't net wier ? Dat liet fen aids it teiken west Fen Ijeafde like waenn as fêst; Fen stille sedicliheid mei ien.

Dêrom past jo dit lint, nei 'k mien. Of pronkje jy net Ijeat'st mei hwet Dér 't ien mar part en deel oan het ?

Hjir hab ik giel, dat-blinkt as goud. 't Is Ceres kleur, dy 't noat lis jout; Ek stelt it üs de bliere Auroar,

Godinne fen de dage, foar.

Jy scille, hoopje 'k, yn jou hüs Ek segen bringe by de rus.

En as hjir ien mei pronkje mei 13inn' jy it; tink er mar op nei.

Nou, Brêggeinan ! ha 'k hwet for jo. Sje der! it dat gjin prachtich blau ? De kleur fen 't soun forstan is dit, Fen frommens dy 't fen binnen sit, Fen wysheid ek eu flinke moed By al hwet edel is en goed.

Dêrom scoe 'k tinke, Brcggeman,

Is dit jou kleur. H wet siz je er fan ?

Ik bab ek sierlik poarper yet.

Dat is de kleur fen macht, sa 't hjit, Pen oansjen en in hege steat.

Wcs jy yn je eigen hüs mar great, Eu brük jou macht, as 't wè/.e moat. As 't goede en 't wiere komt to koart En lit gjin onrjucht oer jo gean. Den komiu' jy heech yn 't blêd to ste;

Mar sjueh dit monije grien ris oan. Dat is de hope, dy 't aloan Us moed jovvt op 'e libbens-wei,

En jo fêst ek op disse dei.

ocr page 64

60

Ja, hoopje en leauwe moatte wy; Dêr bljuwt men fiink en fleurich by. Ik winskje, ho 't ek mei jo giet, Dat noait de hope jo forlit.

Swart ha 'k net meinomd, hwent de vou Heart nou net thus by dizze ljuw. Ik hoopje, dat noait siels-fortriet .Forbittret jimme libbensswiet,

Mar lint mei kleuren blier en fris Altiden jimme gading is.

Tink mar om my, 'k ha romme kar. Nou winskje 'k jimme 't boste mar !

En fierder, alle brillofts-ljuw.

Al binn' jim heel net keapswiet non, Dóch ha jim, tink ik, sjoen en heard, Myn linten binne net forkeard.

Moat ien fen jimmen soms hwet ha, Kom frij ; ik jou in praetsje ta. Jim witte, ik wenje net sa fier. Nou winskje 'k jimme in boel plezier.

Wer in Taspraek.

It dichten is myn hantwirk net. Mar 'k rimelje soms wol ris hwet.

Nou rekke 'k oan 't skrjuwen En makke sa dit brillofts-dicht, Om roden dat ik net sa licht As lollen tink oer 't trouwen.

Jimme ek net, pasforiene pear! Dat wit ik fen jim beide klear. Dêrom doar ik forspelle:

ocr page 65

61

Gjin neibirou of jammerklacht, — Alteas yn de earste wike of acht, — Soil jimme folle knelle.

Jim habbe 't fêst wol goed bisind, Hwet immen docht, dy soks bigjint

As jimme nou bigjinne.

't Is oars hwet as in skiep of kou To keapjen. Tink dat jimme nou Oan elkotir fcstsmeid binne.

't Is altyd net; kom, Ijeafke, kom! 't Jowt ek wol riten, tink er om!

Dy 't jimme rêst binimme.

Al is 't yn 't earst altyd moai waer, De loft wirdt mei 'e tiid ek raer En buijich, sin ik jimme !

En komt dér lytsgüd oer 'e tlier. Dat jowt sa'n drokte let en ier,

Dat kin 'k net heal biskrjuwe. Dit wit ik wol, dat heit en mem Derby, al is 't ek lang net slim. Net altyd dildich bljuwe.

Mar stil, sok praten is net goed,^ 'k Scoe meitse sa, dat jimme hjüd

It boosk al kaem to rouwen. Dat scoe my spite, dèrom kear Ik 't blèd oars-om en si/.; Jongpear Gelok mei jimme trouwen !

Myn winsken riede jimme wis. Omdat myn wille greater is

As jimme wille krije.

Ja, komt it nei myn herts-bigear, Den wirdt jim houlik fyftich kear Sa dreech as jimme frijen.

ocr page 66

62

Ek hoopje 'k tige graech to sjen, Dat Ijeave, moaije, flinke bern

Jimme ierdsk gelok forheegje ; Dy 't mei hjar deugd en hjar forstan In sieraad wirde fen ds lan. — Dêr wol 'k in glês op leegje.

ÏETTE IN TASPEAEi.

Goêfrjeunen! as dêr sokke twa Ti och de echteban oan elkoar reitse, Den 111 ei' we üs sikerwier formeitse Jin wol in tige feestdei ha.

Hwent swiet is for de jonge ljuwe It boaskjen; dit scil wierheid bljuwe, oa laek 't yn deugd en eare giet En süvre Ijeafde hjarren liedt.

Ja, Ijeafde docht de doar hjir ta.

Hwér Ijeafde wennet dêr is segcn, Bistjürt üs dy net op üs wegen,

Hwet waarde scoe den 't libben ha ? Kiekt as in skrokke san-woestine,

ei t alles moat fen toarst forkwine, oa waard üs libbans-paed, tinkt my, tie net de Ijealde üs jimmer by.

As bern fen ien en t selde hüs Yn Ijeafde by elkoarren wenje,

En de aldersoarch mei Ijeafde lean je, Den is der wille by de rus.

Lit immen jild by bulten winne,

Yn al hwet djür is ineidwaen kinne ; As Ijeafde ontbrekt is alles min, Den stiet op 't lést him 't libben tsjin.

ocr page 67

63

Mar as der twa mei siele en hert Troch Ijenfde oan elknar hjar forbine, Hja scille houliks-wille iine,

Al is gjin oerfloed just lijar part. As Ijeafde en deugd lij ar dwaen bistjure, Den meije nyd en ouginst loere Op hjar gelok, — dy steure !t net ; Dy habbè op Ijeafde en deugd gjin fet.

Net altyd kin üs libbens-paed Oer griene blommefjilden rinne.

Net altyd kui'rje wy dór hinne As onder nochlik beamme-kaed.

Net altyd kin de sinne skine ;

Troch mist moat faek hjar locht fordwine En onwaers-buijen fel en wreed Bringe üs yn eangstme soms en need.

Hu haldt men den by alles moed Om mei gedild yens pak to dragen, En yn de komraerlykste dagen Yet fol to halden : God is goed ! ? De Ijeafde, ja, de Ijeafde allinne Scil immen stypje en sterkje kinne Om onder 't leed syn plicht to dwaen Eq net yn wanhoop to forslaen.

Ho scce der sonder mylde rein En sinneskyn in blomke tierje ?

Ho scil x'is libbens-wille oanbiierje As Ijeafde ontbrekt? Dat is forsein! De Ijeafde is 't heechste hwet wy kenne Hwent God is Ijeafde. Ja, Hy wenne Hwêr 't Ijeafde wenne altyd, en brocht Der segen oan en treast en Ijoeht.

Non winskje 'k jimme, jonge ljuw ! Dat Ijeafde jimme aloan bisiellet

ocr page 68

64

En altyd jimme paed bestriellet Den jout dit boask gjin neibirou. Den kinn' jim moedich onbiskrornnie Oer swierrichheden hinne komme. Sa hoopje 'k, dat jim mannich jier By elkoar bljuwe yn wille en tier.

TOAST OP 'E FEYSKE PAMMEN.

De beste minsken op 'e wrald

Dat binne manlju en froulju. len dy 't him dêroan jimmer haldt

Kin goed troeh 't libben rólje Dóch ha 'k de fammen Ijeaver yet.

Ja, k doar hjir drystwei roppe: Gjin skepsel op disse ierde giet

In snipper faem toboppe ! En echter as yn 't Fryske lan, Leau 'k, dat se nearne binne. Ik nim de romer yn 'e han ;

Kom, feinten om my hinne.

Doch jimme my dat nei en siz ;

Fen 't easten ou ta 't wésten Binne onder alle fammen wis

De Fryske fier de besten ! Wy wiereu stumpers op en i'it.

As we üs dat sizzen skammen. Dat noait! wy stekke üs glézen üt Op de ear fen Fryslans fammen!

ocr page 69

65

BY IN BRËGGEMANS.PIIP.

In piip, dy 't grien en blomkes sierje,

Ontfaug dy, Brêggeman ! fen my, Omdat jy hjüd jou brilloft lierje.

Smook swiet dêr lit en tink dér I)}': Sa'n piip brekt somtyds gau; In blomke blêddet on ;

ifar jimme Ijeafde en trou Moat bljuwe lyk as nou, Ja; nimme earder ta as ou.

IN F Q RBI ELD,,

net ta neifoiging.

--mm-

O Sauntsien! hwet binn' lijir in minsken by-ien. 'k Sjueh flaggen en kransen en blommen en grien. Jim liiilde hjir brilloft, bigryp ik nou al. ^

Dêr ik yn 7t foarmidden ! ho treft it, sa mal'?!

Hwet stiet it hjir feestlik en fleurieh dêr foar ! De keamer, de minsken, it ien is nei 't oar.

Ik kin my sa siker net sod sjen bynei.

Sa'n brilloft is net ien fen kom-alledei.

Non moat ik mar earst nei de jongtroude ljuw.

Hwor binn' se ? Ik iyn se, scoe 'k tinke, wol gau. Sa'n krndige brêggeman, sa'n kreaze breid,

Dy fynt men lit tüzen, al wirdt yen neat seid.

Nou wol ik jimme efkes fortelle, jong pear,

Hwet ik onderfoun ; licht is 't jimme ta'n lear. Myn Hoatske wier tweintich en ik tritich jier, Do binne wy troud. Minsken ! wie 't mar net wier.

ocr page 70

66

Myn wiif woe lang altyd net krekt lyk as ik.

Hja woe net skewiele en ik stie op myn stik. Bat joech wol ris bmjen balstjurrich en raer,

Al wie 't bütendoar ek it sierlikste waer.

Ten jonge en ien famke mear krigen wy net. Dy, woechsen as reid en dy mochten wol hwet. Us Lokke wier altyd myn hertlap, myn pop, La memke dy hie 't mei hjar Pierke meast op.

Hy krige mar bóltsjes en koeke fol-op.

Hy fret my myn earen, sei ik, fen 'e kop.

Joech ik hwet oan Lokke, den skimpte myn wiif: Dat roppige pyst bet gjin boaijem yn 't liif.

Joech ik soms de jonge ris goed hwet op 't jak, Den krige er fen mem in stik bólle of in bak. Porgraude en forsnaude hja 't fanke t' onfoech. Den kocht ik swiet güd, der 't ik Lokke fen joech.

Skold ik soms myn jonge for keallige dom,

Hoats belle him oan en sei: Jou er neat óm !

Sei hja : Dat great fanke is to lui en to sleau,

k Sei: Steur dy net, Lokke, oan jim memme geskreau

As ik soms ris sjong, den guit Hoats as in kat. Hja skriemt somtyds ek, en ik laeitse den hwet;

Hwent just as ik fleurich bin wirdt hja biroerd.

Is hja ris plezierich, den pleagje 'k hjar goed.

Is 't iten forbarnd en wol ik it net ha.

Den yt hja dêr krekt as in slatter op ta.

Siz ik : Nou is 't iten my tige nei 't sin.

Den wol hja net ite, den stiet it hjar tsjin.

Sa ha wy mei dwersbonglerij en getsier Nou libbe al yn 't fjouvver-en-tweintichste jier. En komt it oan 't silveren brilloftfeest ta,

Hwet scille wy den wer gehottefyl ha!

ocr page 71

67

Dóch stel ik my foar as 't oan 't fierjen ta komt, Den wirdt by üs beiden gjin onrie fornomd. Den wirdt dèr op toast-slein, lio fredicli en goed Wy altiden libben, as skiepkes sa freed.

Mar ik hab in earlik forslach dêr fen jown, Ho bryk en ho skean it mei lis altyd roan. As jimme dat moai fine, — elk het syn smaek! Den dogge jim ek sa mar ; dat is den saek.

Slaen siker myn praetsje :nar net yn 'e wyn. Al klinkt it hwet bjuster, dêr sit wol hwet }rn. Difalt jimme lis libben net, nim 't den foart-oan Mar net as in foarbield ta neifolging oan.

op in Brêggeman, dy 't yn sigaren docht.

Wize ; Wij gaan nu naar Amerika.

SjoDg nou ris, frjeunen, flink en blüd In nije sigaresang.

Hwent hwet dóch is yn disse tiid In ding fen great bilang ?

Dat is in echte pük-sigaer Mei 'n tige fine geur.

Hwêr 't dy ontbrekt is 't gjin moai waer, Dêr is gjin tier en fleur.

Dor binne ljuwe froed en from,

Dy lykje in prulsigaer ;

It moaiste blód sit buten om,

Fen binnen minne waer.

ocr page 72

68

Mar dat is de echte soarte net;

Wy wachtsje üs for dy twa. Dy 't prieuwe kin en oardeel het, Dy wol dêr neat fen ha.

Né, gean nei üs jongtroude man, Dêr fynt men se echt en goed. Bidroch is der gjin sprake fan,

Men is dêr buten noed.

Jim fine dêr sigaren klear

Sa boppe mjitte bést,

Sa binne se yn 'e wrald net mear, Dat leau ik mürrefêst.

Dêr is ek o ! sa'n ontrek fan,

Hja fleane er omtrint wei. Dêr skreppe, leau 'k, wol ivftich man

Mei iver dei by dei.

Hvvent het men ienkear dêr fen hawn.

Den seit men; sokke mear ! Hwa dat net seit het gjin forstan, Dat's as de dei sa klear.

fine dêr ek romme kar ;

Siz mar hwet woll' jy ha.

NiiMrti jy Ladena ? To den mar !

Ik nim liegahja.

Men fynt se dêr by kisten fol;

Ek echte Genrael Lee.

En kin jy Genrael Kohier wol ?

Dat 's ek in fine pré.

Ja, alles hwet üs frjeun bistjürt.

Dat is oer-ütte bést.

Fen bxiten en fen binnen goed

Het hy ek altyd west.

By dy jongman is gjin bidrog ;

Ek is er lang net dom.

En rukt syn waer soms net genóch Den bring jy 't frij werom.

ocr page 73

69

En nou 't hy 'n wyfke krige het

Allike flink as hy,

Büwinge wy üs blüdskip net;

Nou sjonge en jüchje wy. Ut achting dy 't wy for him ha

En for syn beste waer.

quot;Wy swaeije him us quot;wierook ta Mei 'n echte pük-sigaer.

Frjeun ! spylje flink dyn saken klear

In hele lange tiid ;

Doch alle jieren yette mear ;

Wird ryk en libje bliid. Hab jimmer soundheid, wille en tier

Togearre, wit ho lang!

Wy sjonge oer fiif-en-tweintich jier Graech wer for jimme in sang.

ocr page 74

ij den Uitgever dezes zijn mede rersehenen :

HET MESCH MüSEüffl VAN OUDHEDEN

te Leeuwapden.

Groot 40 formaat. — 56 bladz. — 25 cents.

—O—

De Ontvluchtings-geschierienis

ran een zestal zware veroordoeldcn uit de gevangenis te Leeuwarden. 47 bladzijden. — 10 cents.

—o—

F riesland

van den Waterkant bekeken door Vreemdelingen.

136 bladz. — 50 cents.

—o—

Friesland

van den Waterkant bekeken door een Fries.

72 bladz. — 30 cents.

—O—

Weliiei li M dtrÉ ra Mmm,

w.o. OK AXJ E WO VU, enx.

50 cents.

129 bladzijden.

ocr page 75

JOUKE ROMMERTS,

op 'e rtis nei Ainsterdaiu, hinne en iveroni.

51 bladz. — 30 cents.

—o—

WANDELINGEN DOOR GAASTERLAND.

77 bladz. — 40 ets.

—o—

HET LEVEN VAN SIMON LANTINGA,

beroemd Buikspreker te Oranjewoud.

33 liladx. 80 cents.

—o—

T.TT! /K TVT KTESI quot;W I H. IS. ZES Uquot;

OF

De Skatkiste mei Geheimenissen.

Blyspil mei sang.

80 blêds. — 25 ets.

Fryske Brilloftswille,

48 blêds. — 40

Wiersizzery fen AMe loetje feu Heej,

FEN

PIETER JELLE3.

48 blêds. — 40 ets.

fen deselde.

78 blêds. — 40 ets.

—o—

Volksrijmer — Terdoodveroordeeld, doch Vrijgesproken

48 bladz. — 25 cents.

ocr page 76

JAN HUT en drie andere misdadigers,

omstreeks 1800 aan de galg te Leeuwarden gehangen, wegens een inbraak te Blesse.

114 blaclz. — 50 cents.

—o—

Wieuwerd en zijn historie.

Labadiston — Anna Maria Schuurman — Grafkelder enz. 105 bladz. — 25 cents.

FOR DE PBAETSTOEL1 DE EIEDSHOEKE.

feu Waling DyUstra.

140 blêds. 50 cta.

—O—

dtst kroningsfeest te dCeerenveen,

met een historische bijdrage over Woud en Veen en de personen van den optocht enz.

48 bladz. — tO c?».

ocr page 77

.-tfJ

: - :.v s, .

r w r . 1 - -. . • ;.v-

^ . v.. .. ■:gt; . quot;• ■.quot;'■■ ■ ■ ■ quot; .'i

.1 , - ' quot; - quot;.^S|

' 4

4}^

- ï'; : ÉÊÊamp;X 'l

' • !

- j

i

-- ■ . ,

ocr page 78

By de Printer feti dit boekje binne ek to kryen

TOALVE BRILLOFTSSANGEN.

(Op greater en beter pompier oerdrukt üt de Foar-drachten, Rimen en Sangen, om op in Brilloft oan de gasten ütrikt wirde to kinnen.) Priis 10 cinten. 12 exemplaren f 1,00, frachtfrij oer 'e post f 1,10. 25 I) - quot; 2,00.

50 „ - 3,00, „ quot; - - 3,20.

J2)

ocr page 79
ocr page 80