UWT FRIJS LEAFDE,
TOANIELSTIK yn Viif Bidrjüwen,
TKOCH
S.
l-K.N
* * AV 111 I) U M.
PERSOANEN
Draaiswa, in great keapman.
Frou Draaiswa, syn wiif.
PETurs'' | soanen fen Draaisma.
Dokter De Wam.a.
Petronella, syn dochter.
Dominé Stedam.
Bettje, faem bij Draaisma.
Bouke, arbeider.
Jetske, syn wiif.
Het stik spilet op in great doarp.
1ste Bidrjuw keamer bij Draaisma.
'-Me » » » »
3de » Arbeiderskaemer bij Bouke.
4de » Kaemer bij Petrus en Petronella.
â¢~gt;de » keamer bij Willem en Beitje.
4de Bidrjuw fjouwer jier letter as het tredde.
5de » fjouwer jier letter as het fjirde.
EARSTE BIDRJUW.
in wenkeamer bij Draaisma.
(Willem rint ien praktiscitie it toaniel op en del; Betje komt op, knap fjorklaid en seit glimkjende:)
Miahear Willem! sa al intinsen ien de iere moarn. Sil er wer ien it fel oer de nekke helle wirde?
Willem;
Betsje! in minhear bin ik net mear foar jou, dat wiet je wol; alteast der haw ik wol bliken fanjoun. En immen it fel oer de nekke te heljen, sa 't men wol is seit, is foar mij gjin oannimlik wirk, der tocht ik just net oer.
Betsje:
't Soe mij ek net meifalle, as dat ien fan jou leafste besigheden wie!
Willem:
Dan is er wis wol wat, dat ik leafer doch. 'k Lit graag die smoarge baantjes oan de leaf hebbers oer.
Betsje:
Of, it ken weaze, dat de sprekker justerjoun het eale ien jou hert, sa troffen bat, dat er oer neiprak-tiseare wirdt. En dan freegje ik wol forjiffenis foar mien fjorkeardt oardiel.
Willem:
't Is de earste kear net, dat ik troffen bin, en djip meilij en fiel, oer al het fjoarkearde dat de sa-menlibbing uws sjenlit, en neitink oer de stieffest-haldenheid fan de machthebbers, die willekeurig al dat onrjucht bestindigje. Seagen jou mij wolligt noch faor san hüchelaar oan, dat de heling loar it eale ien in minske op it fjoarhudde hert oust j it te ?
B e t s j e (glimkjende.)
Ei né, dat just net, 'k wist wol better. Mar sis mij, hoe hat jou jisterjoun de sprekker voldien, en foaral oer het onderwerp »de godsdienst der aide volken.« 't Kaem oars net ien de riekeljüskraeme te pas.
Willem:
Jou wol sisse, dat de godstjinst die uws soartefan minsken nog de han boppe de holle hald, en har iene skrep set, foar 't behald foar disse ienrjuchting der maetskappij, troch de sprekker justerjoun aerdig oan de kant truwn waer.
B e 11 j e ;
As het forhelfende bield fan de Ghrisna der Indiërs ek het bield fan de Cliristus besjutte mat, dat uws foarhalden wirdt, dan had de priesterskare him al frij wat fan sien forhéven standpunt outommelje litten en ien de measte dingen in oprjuchte farizeër fan hitn makke, tenminste de ienrjuchting lan sien tsjinst is sa.
Willem:
Dat wie it just wer ik oer tocht, doe jou hjir ienkwamen, en mij ien mien tinsen stoarden.
B e 11 j e :
Nou, dat is frij folie better, dan oer in oar sien ongeluk te praktisaerjen, om dat te beforderjen.
Willem;
Stjit de wittenskap sjenwirch op in heege trep, de Indiërs, Persen, Egyptenaren en mear fan die aide volken har geskiedenis wiest het uwt, dat bij har in great foastellingfoarmogen ien har breinkas hüwsde, fier boppe het begriep noch fan hoenderd tüsenden uwt uws tied.
B e 11 j e :
Men kin wol poer wirdde, dat noch ien disse tied
6
de breafraeg de minsken de holle op hol bringt, en wij noch allied ien san moeras, ien dat leage omwrotte matte, dat hij uws sa treffend sketste.
Willem:
Ja, fanke, derfoar rest in swiere foarantwirding op de skouders fan de zieleherders, die hienen alteast de macht, om mear foarljochting oender de minsken te bringen, en har konsjinsje mat oer 't al-gemien, as inket sa swart weaze, dat sij har net skamje de wrald, om har eigen positie, bijouwe te litten, wat sij is.
B e 11 j e :
Mar ek op jimme skouders rest noch in gewichtig poasje as oarzaak fan al it lijen dat er lit wirdt. Jim hawwe noch niks te kleijen, mar uws en uws gelieken, fait het dübel swier oppe skouders.
Willem:
Breagebrek hawwe wij net, mar as ien uws hert ek de stimme fan rjucht werklinkt, en wij die stimme tot swijen bringe matte, om uws standpunt iene maatskappij net te verliezen, dan gjit uws paadje ek net oer rozen.
B e 11 j e :
Dan ropt die stim wis nog net lüd, want de herten binne nog sa kald as slien. Mei bij jim ek alles gjin wille weaze, de kalde amme der earmoed, komt jim net oan de kalde klean.
Willem:
Elk mient op sien paad de measte dwoanen te lienen.
B et tj e;
Ja, mar folie rieken fiene dwoanen, wer in ear me noch in roaske sjocht.
Willem:
Wol möglik, mar lit uws nou oer wat oars prale.
B e 11 j e :
Dat kin wol, en dat is ?
Willem:
Dat ik justerjoen oppe forgeafringe west haw, sil mien aide lju wol gau te wieten komme, en dan sljit er wer in onwear cp.
B e 11 j e :
Die 't rjuchte foar mient te hawwen, tsjit ek as man for sien beginsel.
Willem ;
Ik lit mij ek derom net fan 't stik bringe. 'k Haw de jongenskoan uwt tein en 'k sil dwaan wat ien mien eag, pligt is.
B e 11 j e :
Dat mei 'k hjerre, dat is mannetael.
Willem (komt neijer bij hai.)
Wol nou, skink mij dan ek jou foartrouwen, werom ik sa faak oansiek dien haw.
B e 11 j e :
Hark is Willem, dat ik jou graag lije mei, hoew ik net te sissen, dat haw jou fest wol foarnomd, mar mien fortrouwen as faam te skinken, oan in feint die ien stan fier hoppe mei stjit, bin 'k net sa wea-sig mei. Ik haw ien mien jonkheid in opfieding hawn, liek as jouwes. Dat ik mien alden, al jong forlieze moast, wie in slag foar mij, en te mear, der de saken sa stienen, dat sij mij gjin jild nei lieten, en ik uwt need bij in oar sjinje mat. Hoe mij datvol-docht, hoew ik jou net te sissen, te mear der mien hert nocli al wat heech sit, troch dat ik wat mear oenderfiening haw as mannig stjintfaam ien mien plak. En ik mat jou earlik bekinne, dat ik aan dis-tied oan jou oprjuchtens, sjin oer mij, twifele haw, omdat ik miende dat it jou te min wie, om nei folks-forgearingen ta te gean. Dorom die het mij jus-
8
terjoen goed, dat ik jou seag, en is mien wantrouwen, deromtrent foarbij. Mar jonge, tink er om, dat it mei leafde allinne Ijinwirch net te winnen is.
. Willem;
Mat dat net de earste tjorwaerde wêze om 't geluk te forkrijen ?
B e 11 j e :
Ja, dat wiet ik wol.
Willem:
Welnou, as jou de oertüging hawwe, dat ik mien, wat ik sis, is het dan noch net goedernoch?
B e 11 j e :
Hark ris! mannich jong onskuldig famke, Ijouwde graag wat in rieke graaf, jonker of keapmanssoantje har ien it ear fluwsterde Ijouwde ien har oenskuld, wat die foarname skurk hügelde, en bij 't eindje be-slüt oenderfoen sij de wrange fruchten fan har goedhartigheid en onskuld. En uws greate rjuchterskliek laket dat stumper uwt, as sij mient, dat bet rjucht oan har side stjit, om die adelyke skurk oan sien belofte te herinnerjen. Sjoch Willem, sa onnoasel bin ik net.
Willem (forherd):
Soen jou mij ta sa iets ien steat achtsje?
B e 11 j e :
O né. [Mar ik mei 't jou wol te foaren balde!
Willem;
Ja fjoarbielden binne er genoch fan.
B e 11 j e ;
Er is mear! As jou alders de foarstandhalding fornimme, as dat jou 't har sisse wer ien wij tot el-koar steane, dan sille sij net neilitte, om mij op in gemiene namme te bringen, en wird ik as in doeme
9
hoen fjoart jage. En wiet jou wat praatsje dat sij dan iene wrald st joere ? Dat sij san gemiene slat net iene huws haw we wolle, die har jonge torliet ta alles; wat gemien is, dan haw ik jou de kop op hol makke, bin jou, troch mei, socialist wirdden, om ien gemiene foarstandhalding mei mij te kommen en dan mat jou dübel fest iene skoan stean, om die praeljes te fordragen, en de holle op te stekken.
Willem:
Jou hawwe al gjin beste tinkbeelden fan mien alden,
B e 11 j e :
Werom soenen sij better weaze as de hele massa? En seis wiet jou, wat karakter as jou broer hat, die soe sien best ek dwaen.
Willem;
Sa min kin ik net oer har tinke, het binne altiid mien alden !
B e 11 j e ;
Foar it bewarjen fan har namme hawwe sij, sa 't hjit, alles foar oer, en der is jou namme mei ien begrepen. En as om die te bewarjen, in sljocht wei tsjinstfaam gemien makke wirdde mat, wat kin har dat skele, en de minsken Ij ouwe har better as mij, en loaral de greate lju.
Willem:
Jou tinke wat al te iensidig oer dat lolk.
B e 11 j e :
't Ken wol weaze! 't Is net, dat jou alders, der-om karakterloas binne , 't is mear in swakte fan karakter. Zij hawwe er skea fan, dat sij de algemiene miening trotsearje, skea, wolligt ien 't bedrjuw, en de sageneamde achting en stan gjit der mei forlern. Minske weaze wolle en bijouwe besjut wat ien disse tied. Hienen jou net de moed er foar en dwasten jou net te stean, foar dat jinge de plicht as man fan
do
karakter jou foarskrouwt, dan koe ik gjin achting foar jou hawwe, en koe fan uws leafde nichts komme.
Willem :
Mij tinkt, de tsjien geboden wirdde mij goed foar-halden, en sil mien taak net gemaklik wirdde.
B e 11 j e :
Hienen jou nei de ban fan in rieke keapmans-docbter tinge, dan wie jou positie frij wat gemak-lijker as nou, en ik fortrouw jou kinne wol in goede partij dwaen.
Willem:
Wat swirder stried, wat roemriker oerwinning.
B e tt j e ;
Mar san oerwinning bringt jou ien 't earst al feast gjin roem mei, te minsten net foar 't eag der mins-ken, en freget in great diel fan 't jinge dat jou oars genot oanbringe koe.
Willem:
Is dan oprjuchtens en eerlijkheid fan bedoeling mei goud te keap? Né, tüsenkear né. De leafde, de oprjuchte genegenheid foar elkoar fiiint, de salig-heit alligt better plak ien de arbeidershutte dan ien 't koningspaleis.
B e 11 j e :
Ik sil ien 't fortrouwen oannimm?, dat, wal jou mij biede wolle, echte waer is. Mei moaie vvirden had mannich jong famke har ien 't net fange litten, sa 'k nies sei, mar min skonken steane wat stiever iene least, troch meardere oenderlleniag.
Willem;
O, koe 'k mien hert iepenlisse en jou sjen litte, wat ik sisse wol, dan soe 't mien lok folmeitse kinne.
B et tj e :
Sis mar, dat dan het lijen jint bagjinne sil.
14
Willem (krijt Bettje bij de han beet):
Mar Bet, as ik jou beloof, dat ik mien best dwaan sil, om dat te dwaan, werop jou oanspraak hawwe, earlik en trou je leaf te hawwen, en as er al is in donker wolkje opdükt, twifelje dan net dat dit in üting fan mien karakter weaze sil. De stried sil swier wirdde, mar ik foartrou dat de innerlieke leafde fan mien fanke de kreft mij jaan sil om testrieden, en druk mei disse feste oerlügtng de han ien mienes, as bliek dat, wij elkoar beloove, wat de pligt gebiedt te dwaen.
Bettje;
De stap is foar jou great, ik twifelje net mear oan de oprjuchtens fm jou wirdden, en de tied sil wol gau oanbrekke, dat jou toine kinne wat de müle nou sein had.
Willem (Ut de han wer los):
Ik sil jou blieken der fan jaan, dat swar ik.
Bettje:
Net, dat jou jild en goed, dat jou wollicht ienkear te wachtsjon hawwe, mij iene eagen blinkt en mien hert sprekt foar die kalde afgod der minsken, mar de achting die ik foar jou opvatte, doe 'k jou kennen learde, die nog greater wirdden is, nou 'k jou ken, en, die ik nog haw, sil de groen weaze fan de leafde, die uws forbiene sil. Hjir is mien han Willem. (si) stekt har han Willem ta, die disse fest ien sienes hald.) Folie stjoarmen sille noch oer uws hollen hinne waaije, foar wij uws doel berikt hawwe, wat jou dogge, sil m;j go3d weaze, ik sil jou folgje wer uws wei rint. ...mar ek djip sil mien forach-ting jou treffa as jou ontrouw wirdde, oan, wat jou mij in disse stoun beloafd, ja sward hawwe. Tink er om, dat de ear fan in earm fanke, as ik, bij jou heecher stean mat, as de iedske riekdom en genot om jou hinne, jou jaan kinne, en wer ien jou, soen-der mij, oars deele koenen.
42
{Er wirdt troch de skermen troch frou Draaisma roppen fan Betje! Betje I! Zij skrikt en rint hird fan 't toaniel.)
Willem :
Dat sil in swiere kamp wirdde, mar mei 't eag fan Kolumbus, oan 't stran, ken 't sisse, dat ginds in wereld van geluk leit, sil mij moed enkreftjaan, en mei de wil onwrikbaar fest op 't doel dat men nei jaget, sil ik net reste foar de oerwinning mienes is, of... de dea min eag slüt. Al tied sil dat iepen eag fan mien fanke mij ta roppe, had moed Willem, noch is 't wit net birekt.
Petrus {komt gniskjende wei op en seit):
Is Willem oan 't repetaeren wat er justerjoun oppe forgearinge hjet had. Broer socialist. {Hij lakei.)
Willem;
Dat manlju mei de rimpels fan djippe libbenser-faring oppe foarholle, om het beginsel fan minske-leafde, dat wij forsteane, spottend laitsje, docht uws as socialisten zeer, mar as wij die spot hjerre matte fan jonge, die har libben noch forsjinje matte, der sij nou al 'prat op binne, dan winskje wij har bet-terskip en lette er net op.
Petrus {spitich) :
Dou sist meitied ek noch wol is in sprekker wirdde.
Willem;
Past mij better dan as fiene domnij tsjinst te dwaan.
Petrus;
Heeche wirdden broeke jimme, der jim seis weinig fan begriepe. Praat mij net fan it zoodsje dat oender jimme banieren rent, de measten binne te lui om mei arbeidsjen de kost forsjinjen te wollen, en miene dat mei it socialisme, te brette doawen har iene mftle fleane scille.
13
Willem:
Bij alle partijen, die er foar en nei Iteslien haw we, of nog besteane, om de minsken, sa 't hjit, belter te meitsjen, spile meastentieds de godsjinst de earste fioele, en waar oan de minsken, bij pligtsbetrachüng nei har oardiel, in lean, nei har dea, tasein, dat sy grif kriegen, mar wer gjin minske wat fan begriep, doch er freeslik optromje soe, as sij har best net dienen ; en toch wienen bij it folie skom mar in inkele goudkearreltjes te Henen, die uwtblonken. En hoe soe uws partij, die op har eigen kreften, soender hulp fan boppen, bouwe wol, en die it geluk van allegjerre op 't eag had, hjir op ierde, ien san koarte tiid fan bestean, alles goud weare ? Smaal er mar op safolle astou woste, het lit mij kald.
Petrus:
As ik goed hjert en sjoen haw, hopest dou ek op in lean fjoar dien dieden, as komt het net fen boppen.
Willem (sjocht him for heard oan) :
Dat sil mien zaak weaze, en hoef ik dij gjin ien-lichtingen fan te jaan.
Petrus:
Mar heit sil er wol in skoattelsje fjoarstrieke heitte!
Willem:
Lit de man sien best dwaan. Ik bin en wol frij ien mien dwaan en litten weaze, oer san zaak. As hij derien baas waeze wol, dan sil dat sien libbens-genot wollicht net fo^mearderje.
Petrus:
Neat is jim heilig, seis jim alders net. Oeral en altied stichtsje jim oentevredenheid en foarol oender de arbeidersklasse, die jim seis wol wiette dat sij nea de geileken wirdde kenne fan de heagere stannen.
Willem:
Mei stannen, sa 't sij nou besteane, haw we wij de
14
gek, en as de arbeiders mei har ellendig bestean, dat sij slite, noch lefreden weaze malle, dan wie 't wol fan belang dat die dat fan har hawwe wolle, seis is in winter hjealjier ien har plak stapten.
Petrus:
Mei het skellcn, roppen en rasen fan jim wird-fierders, wol jim uws maatskappij onbrekke, en tot opbouwing hawwe jim, tot nog ta, gjin forslan, en sa bringe jim ien mannich huwshalding twist, twadracht en earmoed.
Willem;
Dy net mei de üedgeast libje kenne, en miene dat sij allinne foar har seis te swjorgen hawwe, dat ien 't forgearjen tan skatten, het heechste libbensdoel hüsel, koestert gjin fieling tor 't lot fan sien even-minske, en kin de bouworde fan uws nije maatskappij net begriepe ; (lent ien de gelieke rjuchten len eltse minske die arbeidet tot ienstamlhalding en genieten fan 't geheel, slechts oubrekking tan het besteande genot tan har seis.
Petrus:
'k Wol mien tied net mei onzinnige praatjes for-luiterje. Ik hoop dat stou noch tot soender gedachten komme meitste, en uws aide lju gjin skande oan-dochste.
Willem:
Mien libben sil har net ta skande strekke, der kinst op rekken je. Pas mar op dien eigen, 'k Mat noadich oan it wirk, en dermei basta. (Aof.)
Petrus (gniskjendé):
Betterskip, broer!
Willem (ien 't foartgean):
Dat mei 'k dij wol tawinskje. (Oaf.)
Petrus;
Goed dat 'k wiet dat hij jisterjoun oppe forgear-
15
ringe west bat. Wij hienen er al sjoarg foar dat hij er hinne gean soe. Ik bil mien aldeii er mei ien kennis stelle. (Hij sjochl Iroch de doar.) Kom, de aid man komt er krekt oan.
(Draaisma, ien 't swart, komt op, mei in pear wissels iene hannen.)
Petrus:
Just fan pas, heit, ik soe nel jou ta.
Draaisma:
Wel hoe is 't justerjoen ouroen?
Petrus:
Ik kuijere, sa wij ouspritsen wienen, om healwei sannen nei de herberge ta, wer dat zoodje bijenoar komme soe, en jawol! liet doarre net lang, der kaem Willem al oan en foart dernei uws faam Bet.
Draaisma:
't Wie krekt de frij joen fan uws faem, en wij hienen er net cm 1ocht, dat die sprekker komme scoe, oars hie sij er net komt.
Petrus:
Mem mat er ien 't fervolg wat om tinke.
Draaisma {mei in sucht):
Zoo, wie hij er al?
Petrus:
'k Haw iene doar efkes harke, omdat ik foar fest wite woe dat Willem er wie, mar bin gau wer foartroen. Het wie der al wer 't aide, skelle en rase gjin gebrek.
Draaisma:
Dou hiest dcch wat bljuwe matten, alligt biest inkle wirden opfongen, die wij letter sjin him broeke koenen. Mar och, wij wete ommers ek te goed wat er op san forgearringe uwtkraeme wirdt.
16
Petrus;
'k Bin doe skean oer iene socileit oan kaartjen gongen, sa lang dat het tied fin slüten waer, en het rommellje oppakke moast. Willem en uws faem kuijeren deftig tegjerre nei huws.
D r a a i s m a (forhcard);
Willem mei Bet ?. Hoe let wie dat ?
Petrus;
Om alf lire. 'k Haw doe mien malen noch eiTen-tjes opsccht, en bin efkes letter ek nei huws gien.
D r a a i s m a {mei in sucht):
Ik hie er al soarg foar, dat hij er hinne woe, hij wie sa hastig mei sien wirk.
Petrus;
En disse moarn stie minhear deftig te praten mei Bet, doe sij de keamer opredde, en haw der bij de doar in belangrik petear ouwharke, net folie goeds, dat kin 'k jou sisse.
Draaisma;
Dat forfloekte skorremorrie bringt Willem de holle alhiel op hol. Dat kanailje! Werom had uws re-gearing, doe de earste de kop opstiek, him dadlik net in kügel ien sien barkas jage, dan see de twadde him er wol foar wachte hawwe.
Petrus:
Né, 't hie better west, dat zij de earste ophinge hiene ien de heechste beam, en net jedder lossnien, as de twadde him er foar uwtjoen hie, dan soe die him er wol foar wachte hawwe, en hie wollicht de earste nog bingelje.
Draaisma:
De boel meijenoar déle, en seis het greatste part nei har klauwe, en dan in lui lekker libben te lissen, dat is har doel. Né! der foar had uws leaven
17
Hear, de ierde net joen, die foar arbeidsjen beslimd binne, kinne net foar master opslaen.
Petrus;
De rcgearing mat mar oppasse, dat sij koart oan-boen bljuwe, lit har de lleispanne rüke, wij sillehet wol oppeuselje.
D r a a i s m a :
Dat Willem mar net lille wol, om mei dat folk zich te bemoaijen, dat docht mij lige sear, jin hele goede namme, gooit hij er mei te grabbel.
P e t r u s ;
Ja, en wat ik disse moarn ouharke, mat er nog bij komme.
D r a a i s m a :
Wat dan ?
P e t r u s :
Wel hij had, mei sien dwaesse begriepen, ek nog sien sin op uws faam set.
Draaisma (Skodholjend):
Ei kom, dat siste wol verkaard forstien hawwe. Willem mei uws faem ? Dat sit net ien him.
Petrus:
Né, 'k had wol «oed fatte, omdat ik er fremd siin opharke.
Draaisma;
Och, dat folk is ta alles ien steat, en mei in zedigheidstronie, skamje sij har net om alles te be-drjüwen wat gemien is, mar dat Willem ek noch mei dat Jan Hagel omslaan wol, dat Ijüw ik net.
Petrus;
Heit moast de innige leafdesforklaeringe, disse moarn mar is oanhjert hawwe.
±
18
Draaisma;
Ei kom, wat mei har om kwinkeliere. Ei nou, dat kin sa lolle kwea net, der is er nog jong foar, en oan san tsjinslfaem is net folie te bedjerren.
Petrus;
Heit mei 't Ijouwe as net, mar wier is t, dat sij elkoar fanne moarn trouw sward haw we.
Draaisma (brimstich);
Nou, der sil ik dan te minsten in skoatellsje toar
strieke.
Petrus;
Ja wis! Mar hoe ?
Draaisma.
Der komt mien frou ek just oan, die sil er ek wol rie op witte.
Frou Draaisma (komt op en seil); Wer hawwe jimme it sa drok oer ?
Draaisma {spitich gniskjende): Petrus had fanne moarn ouharke, dat Willem him oan uws faam forslingerje wol.
Petrus:
Ik sil het iimme fortelle. Eet wie oan t keamer-onredden. Willem praate earst mei har oer de sprek-ker fan iusterioen, en doe kaem eindlik de aap uwt de mouwe, en forkleare Willem oan Bet, ho smoai- â lik lorliefd hij op har wie. Bettje skiende dat eaist net te fortrouwen, en sei him noch al het len en oai fan belang, mar 't eintje beslut wie lt;ift JJ Sien oannaam, en dat sil dan nou fan seis hawwe.
Frou Draaisma;
Der hawwe wij 't al. Ik hie er al wat fan for-
nomt dat er sok spul wat geande^ wie,mai k ,woe
't sa net hawwe. Hoe komt hi] ei bij . Oan m . ]
19
faam ! san gemiene tsjinstfaam, 't is as sien holle him maalt.
Petrus:
Moglik had sij him, mei die malle begriepen, de kop oppe rin brocht, wa wiet het.
D r a a i s m a (earnstig) :
Der sil wol net folie fan komme. Mar wij matte toch middels berame om it te kear te gean. Wat soe 't beste weaze?
Frou Draaisma:
De faam uwt de tsjinst stjoere! Soe min har seis wieke boppe har lean jaan matte. Om in reden te fienen, har soender jild foart te stjoeren sil wol net lukke, want op har wirk fait neat oan te merken, ja, 'k mat sisse, 'k kin net gou better faam krije.
Petrus:
En dat soe uws goede nam me te folie in opspraak bringe, want het sil wol ren 't eag fallen weaze, dat Willem, mar ek Bet op die vorgearringe west had en dat dit uws net oansljit. Der soe min wolligt it fenien uwt soege, dat het derom wie, en mannich gestjinstige geast knoapet er gau wat oars oan fest.
Fr ou Draaisma (skodhollet):
Né, dat ken net.
Draaisma:
Het sil 't best wol weaze, dat ik Willem kwans-wies bij mien handelsfrjennen is roen stjür, om kennis te meitsen, en ek is bij mien klanten lans. Ta-geliek skrüw ik mien broer, dat die Willem in pear wieken uwt fan huws noeget, dan kin hij meienoar in fjour ot viif wieke fan huws, wij sille het thuws wol redde. Wij kenne dan sjen, dat wy de faem kwiet wirdde op de iene of oare manier, hoe dat sille wij is sjen, en dan sil sien hjitte leafde wol wat bekwolje.
20
Frou Draaisma:
Dan mei jim dat wol goed oerlisse, want Willem lit him net maklik omme tün liede, der kin ik him te goed foar.
Draaisma:
Ja, mar ik bin sien heit, en haw toch ek rjuchten op him, die hij folgje mat.
Petrus;
Wat jouwe de socialen om rjuchten ? Want op har earlikheid en ijucht, drjüwe sij troch, as silie sij har ek in jier ien 't tichthuws opslüte litte.
Draaisma;
Mar Willem mat ek witte, dat het tsjinstwirch pjin jild reint, en as ik him soender büwsjild op strjitle stjür, sil er ek wol liets man wirdde. Soender mij, binne sien fingers koart.
Petrus;
Het soe mij meifalle, stean foar in bietsje net.
Draaisma;
Nou, hoe liket jim mien foarstel ta ?
Frou Draaisma;
Freegje leaf er, hoe sil jou it him üwtlisse, dat hij er net efter komt.
Draaisma:
Dat is mien saak. 'k Haw sa folie Iju oender de eagen sjoen, ik sil sienes ek noch wol fordrage. 'k Lit mij noch net troch in sociaal uwt it ste trjüwe! Né, derta stean mien fjoatsoalen te steawich oppe groen.
Frou Draaisma;
Och! och ! men belibbet al wat!
Draaisma;
Kom, ik sil dadlik mien broer mar skrjuwe. (Oaf.)
21
Frou Draaisma:
Doe 't jimme liets wienen, haw 'k faak winske jitn great te sjen, omdat men dan wat minder noed en soarg hawwe soe, mar nea hie 'k doe tocht, dat dan jast het lijen begjinne soe. Wat hat men in noed en soarg om jim great te krijen, en is men ienkear sa fier, dan is ontank het lean foar jins op-oifring.
Petrus;
Ja, mem, dat gjit sa, ontank is 't lean fanne wrald, en foaral sjocht men dat bij sok folk, dat de besteande woldieden sa minachtet.
Frou Draaisma;
Is Willem oppe forkearde wei, en dat docht mij tige sear, ik hoapje toch, dat ik oan dij wat mear genot belibje mei.
Petrus;
Der hoewe jou gjin no'ed mei te haw wen, as Pe-tronella en ik ienkear forboun binne, dan sille wij forgoedsje, wat jou troch Willem ontbeare matte.,
Frou Draaisma;
Dat hoapje ik.
Petrus;
Ik Ijou dat ik derien in goede keuze dien haw. Dokter sit er tige waarm bij, net minder as wij, en sij sil wis foar mem in goede skoandochter wirdde, der mem in hoapen oanhald oan hawwe kin.
Frou Draaisma;
As Willem socialist is, och dat is noch sa slim net, die wei gjit het ienkear moglik doch allicht op, as 't volk wiezer wirdt, mar oan san faam, san sljuchtwei tsjinstfaam, him te forslingerjen, dat hie 'k net linke doarren.
22
Petrus:
Sij miene mar dat alles bijenoar past, die mar fan har geloove binne.
Frou Draaisma;
't Is wier, sij is in flink frommes. Wat zij ter han nimt, ken sij sa goed as ien, en op har wud kin men fortrouwe, en sij is sa earlik as goud, mar 't is gjin slan; 't is gjin stan! (mei in suchte.)
Petrus;
Mem kin wol miene, dat sij earlik is, mar sij gjit oer alles, wat de keuken aanbelangt, en sa grif bin ik er nog net fan oertüge.
Frou Draaisma:
Hark ris, as men gjin reden om te twifeljen had, dan mei min it net sisse.
Petrus:
Wat tocht jou, as sokke fammen er wat om jouwe, om jou wat te ontfiekmanjen ! Hald har der mar net te goed foar.
Frou Draaisma;
As ik it seis net oenderllen, dan Ijou ik it net.
Petrus:
'k Hoapje, dat ik mem it noch is toane kin.
Frou Draaisma:
Der komme heit en Willem oan, lit uws hjir nou wei gean. As er hirdde wirdden falie, dan is 't better dat sij te gjerre binne.
Petrus:
Sa mem 't forkiest. Mar 't wie quot;wol noadig dat ik heit wat süpe, want sij litte har net maklik uwt het sael lichtte. (Sij steane op.)
23
Fr ou Draaisma;
't Is mar belter fan net. Het mocht oars is kwae bloed tusken jimme sette, troch de iene ofoare uwt-fal, en koe dertroch onnoadig het libben forbitterje. (Beide oaf.)
Willem en Draaisma (komme pratende wei op.)
Draaisma:
Ja, sjoch jou, dan moasten jou earst nei Grins en besiekje der het hüws Oppenheim, Carder en van Delden, derwei nei Appingadam', nei Satorius, dan oer Wienschoten, Assen, Meppel, Zutphen, Arnhem, Utrecht en Rotterdam, en sjen ek is te Gouda, hoe het mei dy pieperrommel sit, dan den Haag, Leiden, Haarlem, en dan op 't least Amsterdam, 'k Haw mien broer skrün dat jou komme en die soe 't wakker nei 't sin waeze. Dus dor bljüwe jou mar in wieke, fjirtsien dagen, nei dat het jou befalt, 't Is wol is goed dat der is ien fan jimme hinne reisget. Si) hawwe gjin bern, en sitte ertigebij. Sjoch de Ijreun-schipmoatte wij oenderhalde, as sij ienkear wei reisgen, dan wiet men nea net hoe 't kin. As jim is erfge-naem waren, dat soe in loekje weaze.
Willem:
Mar heit, sis mij, hoe is dat nou sa hommels opkomt, dat ik op reis mat ? Is dat allinne, sa jou sisse, om saken, of skület er wat oars efter ?
Dr aaisma:
Hoe soe er oars wat eftor sitte ? Wij dogge sa 't jou witte, ien al die plakken, die ik opneamde, saken en dan mei men nou en dan san roete wol is dwaen, dan komt en bljuwt men oppe hichte, en knopet allicht wer oare kennismaking oan.
Willem:
En treft het nou, dat ik er just op uwt mat?
Draaisma:
Trelïe? Wat sil ik sisse! Dou biste de aldste, het komt dij la.
24
Willem;
Dat kin wol weaze, mar as er oars ien nei büwten mat, om de iene of oare saak, dan is dat meast broer Petrus sien baantje.
Draaisma:
Och ! wat sil ik sisse, dat treft moglik sa wol is.
Willem:
't Is noch mar koart lien, doe hat hij nei Amsterdam ta west, en is in pear nachten uwtbluwn ; as het noadig is om omke te besiekjen, dan wie hij doe ien de gelegenheit, mar doe haw ik er gjin praat fen hjert, ja, hij bat er seis net ienris oansjoen.
Draaisma;
Dat haw ik letter ek al tocht, dat hie doe ek best kent, dan hie er jitn beide sjoen.
Willem;
Ik kin mij ek net begriepe, wat belang as er bij is, otn nou te reisgjen, nou de drokte fan de handel oankomt, en ik tochte noadig thuws bijü we te matten.
Draaisma;
Dou bist noch jong en sa goed net mei de saken oppe hichte as ik, dat sil ik toch better wiete, tink ik. Tonei sil het dij wol dudlikker wirdde.
Willem;
Dat ken wol weaze, doch mij tinkt, er is nog volstrekt gjin haast bij. Ik haw er weinig mei op ; lit Petrus dan mar op reis gean, dan bljuw ik thuws.
Draaisma;
Né! né! dat ken net. Wat soenen de hear ren sisse, der wij saken mei dogge, dat ik de jongste foartriek, nè, dat ken net, dou mast op reis.
Willem;
Ik freegje noch is op de man ou, is 't noadig dat ik op reis mat.
25
D r a a i s m a (lilk)
Ja ! wat oars ?
Willem:
As het werklik het geval wier, dat uws saak het foreasket, dan soe 'k gean, mar ik lit mij net omme tun liede.
D r a a is m a ;
Wie docht dat?
Willem:
Dat gil ik jou sisse. As ik nei uws forgeamngen tagean, dan wirdt mij gewoanlik san speurhoan ef-ternei stjürt, dan mat Petrus oppasse wer ik hinne gean en wanneer ik thuws kom. Dat forfeelt mij. Op uws kantoar kin jou mij wirk jaan, wat jou forkieze, en 'k sil mien pligt dwaen, mar len mien tied, forkies ik te dwaen wat ik wol, omdat dit gjin ien oangjit.
D r a a i s m a :
Zoo, sit hem der de knoop!
Willem:
Ja, en nou wird ik allicht foar onnoasel genoch halden, om net te begripen, werom ik noufanhuws mat.
D r a a i s m a (lilk wei.)
En werom tochst stou dan ?
Willem:
As jou in hoen mij efternei sljiire, dan mat hij net sa gau blaffe, as lanne moarn.
D r a a i s m a :
Wie sljoert in hoen dij efternei ? Sokke praatjes wol ik net fan dij hjerre.
Willem:
Wel nou, dan sil ik mij düdliker uwtdrukke. Sa
26
't jou wiete bin ik socialist, en wat jou en Petrus der ek tsjin ien te bringen hawwe, wat jim dogge om mij van dat tinkbield ou te bringen, 't sil jim neat bate. De forachting fan jimme stan haw ik mij dermei op de hals helle, de heit en mem sille har skamje oer har soan sa 't hjit. Het sil mij net oubringe fan 't heiige reine idee, dat mien mei-minsken ek mien brurren weaze kinne, as hawwe sij ek gjin heale sint oppe wrald.
Draaisma;
Der haw ik least genoch fan en mat ik mij skamje, so as stou seiste oer mien eigen bern. Dou bist noch sa aid net, en sist letter moglik wol ta better iensicht komme, want as ik mien haa tebek luk, sist dou de wrald fan in oare side besjen matte, en sille die gekke ideeën fan seis wol uwt dien holle wei gean. Elk mat mar wite wat er docht.
Willem;
Dat sil ik ek. Derien doch ik mien eigen sin, wat mien hert en foarstan mij oanwiest.
Draaisma:
Wij sille is sjen, hoe fier as 't dermei ien de wrald foaruwt komste.
Willem:
En nou wij doch oan 't praten binne, sil ik jou ek mar tagelik bekend meilse, dat ik Bet, uws faam, disse moarn, mien ban oanbean haw, en wij to gearre, meitied het libben lans, en het swiete en süre meijenoar diele wolle.
Draaisma (tiye lelk.)
Dat wist ik, mar meitse dij der mar net to blied mei, want san skande te belibjen, dan wie 'kljeaver dea.
Willem;
Oan skande stjert men net sa gau, dat sil wol wat m^ifalie.
27
Draaisma:
Gelukkich dat de wet, mij as heit, derien in fjor-rjucht jouwt. Dat ik der in skoateltsfe foar strieke ken. Nij maat, der sille wij net fan hawwe.
Willem:
Der praatte wij letter oer, ik bin jou tastemming ek net brek.
Draaisma:
In hoereboel er fan meitse, der skamje jim jim-me ek net foar, dat wiet ik wol.
Willem:
Bring dat adres oan mien broer, der is 't better te rjuchte as bij mij.
Draaisma:
'k Wol gjin praatjes mear deroer. Ik sil wol wiette wat mij te dwaan stjit, en der mei uwt. Sist ek op reis gean, nij ot ja !
Willem (spitig)
Sjoch dat woe 'k jou sisse. Jou wisten het al, wat ik nies forteld haw, dat hie Petrus al sein. En nou mat er wat uwttocht wirdde, om mij in wieke trije, fjouwer fan huws te krijen, en sil er rusie moi Bet socht wirde. Die mat uwt de stjinst, en dan Menen jim wollicht hoap dat ik er dan ousjen soe. Jim binne gogem, mar liede mij gjin bliene hiensers foar de doar.
Draaisma (lige Ulk gjit nei hemta.)
Nog ienris! Sis 't ek gean of net?
Willem:
As het ien 't belang fan uws saak achte wird, dan gean ik, naar warskou jimme meijnoar, datBetmim forloafde is, en v'éa him, die har eare te nei komt... Ik sil gean heit. (Draaisma rint Ulk oaf.)
28
Willem:
Dat hie 'k goed redt.
(Betje komt ien har wirkpakje op, krigit Willem sten hdn ien har heide hannen beet, sjocht him liek oan en seit:) Tankje Willem, nou wiet ik dat jou hert op het rjuchte plak sit, goede reis.
IT GORDIEN F ALT.
TWADDE BIDRJUW.
It toaniel is in deftige keamer. In tafel wer sljoallen om hinne stean. Oppe tafel sljit thégjud, in sükerpot, wêr ien in sulveren théskopke en 6 kopkes en panlj ;s, werien ien ieder in sulveren leppeltje leit. In leppelkislje sljit ek nog op tafel.
Draaisma, dokter en domenij sitte oan de iene, en Petro-nella en frou Draaisma oan de oare kant der tafel.
D o m i n ij tsjin Draaisma;
Is uw oudste zoon voor eenigen tijd voor zaken op reis?
Draaisma:
Men mat jin handelsfreunen wol is besiekje, dat bevestigt fortrouwen in elkoar en wirdde alligt nije handelsbetrekkingen oanknope. Hij had in fjirtsien dagen foart west en soe ek Wat uvvlfanbüwsje bij mien broer in Amsterdam.
D o m i n ij :
Naar ik zoo heb gehoord, is het wel goed, dat hij eens op reis gaat, welligt brengt dat wat wijziging in zijn gedachtengang.
29
Draaisma;
Ja, dominij, jou sille het ek wol wiette, wat histories wij nou mei elkoar belibbe hawwe. Mien frou had, fan oandwaning, zenuwachtigheid, al in pear dagen it bed halde matten, mar nou is sij wer op streek.
Frou Draaisma:
As de hern liets binne, hat men har sa leaf, en kin min jin net begripe, dat sij letter sa sjin jin opstean kinne, en jin alderrie iene wien slaen.
D o m i n ij :
Ja, vrouw Draaisma, dat brengt het leven zoo mede. De godsdienstzin gaat, in deze veelbewogen tijd, helaas, bij de jongelui verloren, en daarmee verdwijnen allengs alle goede eigenschappen der menschen, en verliezen alzoo ook de plichten jegens hunne ouders uit het oog.
Dokter:
Men soe sisse, hoe is 't moglik, dat twa broarren sa forskille kenne. Mei Petrus hawwe jimme al frij wat meer wille, dan mei Willem.
D o m i n ij (sjocht Pelronella oan):
Petronella behoeft er niet fan te kleuren, dat vader de aanstaande schoonzoon als een prijzenswaardig voorbeeld stelt!
Petronella:
Sa gau kleur ik net, dominij. En hjir binne er toch gjin reden foar. Wat Petrus is, dat gjit mij ommers net oan?
D o m i n ij :
Dat zullen wij daar laten. Wij mogen u echter wel geluk wenschen, dat uw aanstaande levens verzorger beter inzichtoa in de wereld heeft, dan zijn broeder.
30
Draaisma:
Men Koe sisse, wie had uws jonge sa de holle op hol brogt, dat hij him hij dat gemiene zoodsje aan-slüte kin.
F r o u Draaisma;
Der had al lang fan soks wat iensiüen. Doe it in jonge wie, koe hij net Fjen, dat er ien onrjuchlfeardig beleedige vaer, dan fleog het bloed him dadlik op. En haw ik wol is op mirken, dat hij meast partij triek, foar earmlu's hern.
D o m i n ij :
Dus u wil eigenlijk daarmee te kennen geven, vrou Draaismo, als ik u wel verstaan, dat een hisonder gevoel voor recht, zich al vroeg bij dien jongen openbaarde. Dat is op zich zelf niet te laken.
F r o u Draaisma, (sij chinke nou en dan op.)
Ja, dat soe men deroan al sisse, dominij.
D o m i n ij ;
Dan heeft die, aanvankelijk goede eigenschap, op rijperen leeftijd, zich al treurig gewijzigd.
Want gelijke rechten voor alle menschen voor te staan, is met de bestaande maatschappelijke orde en de godsdienstige gevoelens der menschen, zeer slecht overeen te brengen. Immers, men leest in Godswoord, dat steeds, in alle eeuwen, een groot verschil bestond in maatschappelijke standen en zelf in Abrahams tijd spreekt de schriit reeds van slaven. Het schijnt alzoo in de goddelijke openbaring besloten, dat de eene mensch, door zijn, van God ontvangen, betere positie, over de ander behoort te heerschen.
Dokter;
Het soe in rare wrald wirdde, as men allegjerre gelieke folie rjuchten hawwe soe. Dan skeaten wij, troch uws meardere ienspanning, die wij oan de studie ten koste lisse matte, en bij de greatte sommen jild, die die studie forslient, frij wat bij 't efter,
31
bij de earmelu's bern, die mei Iwoalf jier genoch wittenskip op dien hawwe, om mei har hannen het brea te forsjinjen.
D r a a i s m a ;
En dan doare die socialistische sprekkers, ek noch bewcare, dat de staet foar alle minsken, het heager oenderwies lagankelik meitse mat, soender skoalle-jild te jaan, as in rjucht, dat sij derop hawwe. Hot soe wat moais wea7e. Wer soe dat jild wei komme, en wer pjinne het ta, om in bulte healwiese gekken te meitsen !
D o m i n ij :
Zij zijn dom genoeg te beweren, dat de staat niet gerechtigd is, om aan iedere student, als 't ware, een toelage toe te slaan uit de Rijkskas, dienende als bezoldiging der hoogleeraren en onderhoud der gebouwen. Dat zoude voorzeker de studiemannen te bezwaarlijk zijn om geheel, op eigen kosten, in hunne leermiddelen te moeten voorzien â en ook ondankbaar zijn van de staat. Men moet niet voorbij zien, dat het een eerste plicht der staat is, ordelievende burgers te kweeken, die ook die orde willen bewaren. I^n zij is ook verplicht, op voldoende wijze te voorzien in de behoeften van rechterlijke en van andere ambtenaren. Mochten, door studie de kinders der arme ouders wel de noodige bekwaamheid en kennis erlangen, door hunne zeer slechte opvoeding, konden dergelijke posten niet aan hen worden opgedragen. Zij hebben een ander gevoel van wat recht is, dan wij.
Dokter:
Mar de orde soe toch moaijlik te bewarjen weaze, as jimme mei jimme godstsjinst, ien de earste pleats net de behelpsame ban beanen.
D o m i n ij :
En een gelukkig verschijnsel ook, mag men het noemen, dat vooral de adel en geldarristocratie voor-
32
gaan, door getrouw kerkbezoek en beschikbaar stellen van aanzienlijke sommen, de godsdienstzin onder de arme bevolking te onderhouden en aan te kweeken. En ik moet, tot mijn groot genoegen consta-teeren, ook de voornaamste burgers, dat schoone voorbeeld volgen.
Dokter:
Mar dat it echte* waer mei die hearen is, behoeft fjin icn te Ijouwen. 't Sil gjin oondiarg der harten weaze, om har zielcheil er mei te btfordeijen, dat sij sneins oandaclilig lustei je en mei bidde, sa 't li-ket, wat domnij har foarseit.
D o m i n ij :
Dat laten wij voor ieders verantwoording over, die hij of zii eenmaal voor Gods rechterstoel moet al-leggen. Wij hebben daar slechts te letten, op de uiterlijke mensch en onze taak is, de godsdienstzin meer en meer te bevestigen, door de armen te wijzen op het schoone voorbeeld hunner meerderen , en op het loon dat eenmaal voor hun is weggelegd.
D r a a i s m a (knikt clominij ta) :
Dat bin ik mei jou iens, domnij.
Dominij:
En niet alleen getrouw kerkbezoek, doch ook als lidmaat der kerk moet de jonge burger zich verbinden.
Is hij het, met de verkondigde leerstellingen, niet geheel eens, zijn daardoor, te bekomen recht op het beheer der bezittingen en organisatie der kerk, is om de gemeenschap derzelve, van het hoogste belang. Petronella is in het aanstaande voorjaar ook zeker bereid, evenals uw zoon Petrus, om belijdenis des gelooft) af te leggen?
Petronella (mei in earnstig gezicht):
Ja, dominij, dat wie 'k al fan plan, om lidmaat te wirdden.
33
D o m i n ij ;
Kom dat voldoet mij.
Dokter (tsjin domnij) :
Ho wol ik folstrekt gjin frijtinker bin, raat ik toch sisse dat de foendamenten fan uws staatsgebouw, ek dermei reste op in oendergroen, die mei de tied wol is forsakje kin. As sa de godstsjinst brükt wirdt, as sjinwirch, om it besteande lijen fan miljoenen mins-ken as in neadsakelijkheid te beschouwen, as Godswil, wiels die dat uwtsprekke in best libbenhawwe, dan sille de nije idet ën bird fjild winne, bij die earme bodders, die er nog in tinkende kop op nei balde.
Draaisma;
Dat soe net te winskjen weaze.
D o ra i n ij (tsjin dokter):
Mijn beste vriend, wat wij aan het domme, onontwikkelde volk verkondigen als iware godsdienst, is voor hun rust en zieleheil noodzakelijk. Dat zij, bij ontbering hier op aarde, door onderdanigheid, getrouwe plichtsbetrachting en kerkbezoek, een loon hiernamaals ontvangen. Wij kunnen hun waarlijk niet met eene reinere opvatting van het Godsidee, naar de nieuwe wetenschap, volgens Zouteveen, Hiick-lander. Specht en anderen, bekend maken. Wat zouden de gevolgen zijn? Dat zij, hun waarde als mensch, als werker, als voortbrenger in de samenleving leerden begrijpen, de lasten van de zwaren arbeid, in ruil voor zeer weinig levensgenot, van hunne schouders zouden werpen en met hunne gebalde vuisten om recht vragen van hun toekomend levensgenot, daar zij evenveel recht op hebben als ieder niet werkend mensch.
Frou Draaisma;
Mar dat lien ik toch net earlik domnij, het mij weaze ek, hoe het wol.
3.
34
D o m i n ij ;
Dat kan waar zijn, fiou Draaisraa, maar dat gevoel mag ons niet beheerschen.
D o k l e r;
Soe it toch net better weaze, domnij, dan de mins-ken mar wat foar te liegen, om het sa mar is plat uwt te drukken.
D o ra i n ij ;
Laat mij dit door een enkel voorbeeld duidelijk maken. Gesteld eens, ik ging verkondigen, wat mijn meening in dezen is. Ik zou aan mijn gemeente wijzen, hoe faag het godsbegrip is, dat men put uit de geschriften der bijbel, dat deze vol fabelen en legenden is samengesteld, en voor het grootste gedeelte slechts de geschiedenis van een enkelen volksstam bevat. Dat men onzen bijbel vergelijkt met de veel oudere geschiedenissen en vereeringen van de Brahmanen, Persen, Indiërs, Egyptenaars, men eene opmerkelijke overeenstemming vindt met hunne godsdienstige of hoogere opvattingen van de loop der zon, planeten, sterren, zonnestelsel en dat hun Brahma Budha, Crisna, Isis, Mithra, volkomen overeenstemmen met het beeld van Jezus Christus, zijn geboorte, doop, omgeving, wonderen, dood enz. Wat zoude het gevolg zijn ? Men ging onderzoeken zoo ver men kon, om meer licht te erlangen, en meer en meer vestigde spoedig eene overtuiging, in strijd met de bestaande. Mijne kerk liep ledig en was ik verstoken van mijn goed traktement. De gevolgen der maatschappelijke samenleving bleven niet uit, men zou eischen recht te doen, voor dat men thans als zoodanig noemt.
Frou Draaisraa:
Sa praat Willem er ek oer, dan kin die nog wol is geliek krije.
D r a a i s m a (brimstich):
Né, dat nooit! Hoe soenen de arbeidslju de selfde
35
rjuchten hawwe as wij en mei uws ien 't geliek stean.
Dokter:
Ik bin mar blied, dat ik gjin domnij wirddenbin.
D o m i n ij ;
Het quot;volk zoude u ook spoedig weten te zeggen, dat 100, 200, 300, ja 400 procent winst op uwe geneesmiddelen te nemen, hun een gruwel in de oogen was en zeer spoedig zoude er een gemeente-apotheek verrijzen, die ongetwijfeld voor aanmerkelijk goed-kooper geneesmiddelen kon zorgen.
Dokter (gniskjende) :
Dan bijouwe wij noch mar slil wat liberaal, domnij, en geane Sneins mar wat nei tsjerke. quot;Wij hawwe het noch goed en lit het folk dan nog mar wat dom bijouwe.
Petronella:
Ik soe doch bang weaze, dat ienkear detiedkom-me sil, dat sij de eagen iepen krije, en dan liket it mij net best ta. En as er onnoadig sa folie lijen is, dan wie het better, dat der ien foarsjoen waer, as moast domnij dertroch sien traktemint ek forliese.
D r a a i s m a ;
Die dan libbet, die soarget er dan ek mar foar, wij wolle er gjin spul mei hawwe.
Dokter:
Het kin liekwol gauer komme, as uws nochlik is.
Draaisma;
De machtsmiddels fan uws staet, sil dat oproerige folk hjir ien 't lan, noch wol wat oender de tomme halde. Sij hawwe de Atchineezen ek al wer de les joen. 'k Haw gjin soarg, dat sij it hjir forwaarloosje sille.
D o m i n ij (tsjin Draaisma) :
Leg daarover nog gerust uw hoofd in 't kussen.
30
Zoolang wij nog met zooveel succes met de regee-rende klasse kunnen samenwerken, zal van een omwenteling, hier althans, nog vooreerst geen sprake zijn.
Dokter:
Uws lan is wol liets en uws macht derien great, mar as de oproerfaan ien oare lannen wappert, stekke sij hjir him ek uwt, wês dertan forsekere. Want folie dingen wirdde hjir dulde, mar net fordragen op den djür.
Dominij:
Als het tij verloopt, dient men de bakens te verzetten. Als de staat eene regeling op den arbeid geeft, ot door een onteigeningswei je de arbeiders tracht te lijmen, dan is het ook onze plicht en tijd voor hun iets te doen, door zich in schijn voor de beweging te plaatsen. Met taktiek dient, men die teed're aangelegenheid te behandelen, om het zedelijk overwicht te bewaren.
(Petrus komt op, füsket mei dokter., domnij en least mei Petronella.)
Petrus {hij nimt in stoel en gjit sitten):
Goeden middag Heeren ! 'k Hie mien wirk ou en skik mien stoel nou mar wat bij.
Frou Draaisma (isjin Petrus):
'n Kopke thee ?
Petrus:
Tankje, 'k haw nies in gles bier dronken.
Dokter (tsjin Petrus):
Jou sil it wol drok hawwe, nou Willem foart is?
Petrus:
Ja, dat haw ik, mar 't is ek wol is nochlik, want it harmonieert altied net allieke goed.
37
D o m i n ij ;
Dat wil ik graag gelooven en vooral de onaangenaamheid van geen overeenstemming, is voor U voor-Zeker zeer lastig.
Petrus;
Der haw ik in bulte lest fan, en nog te mear, nou uws goede nam me er ek sa mei gemoait is.
Dokter:
Trek jou der net te folie fan oan. Jou binn as bern oender uws great brocht, die 't jou kinne acht-sje je der neat minder om. Wat jou broer docht, binne jou net oansprakelik.
D o m i n ij (tsjin Petrus):
Moed, mijn vriend, tot het volbrengen van uwe moeilijke taak, zal ü ongetwijfeld niet ontbreken en met het oog naar boven geslagen, zal U kracht ontvangen, tot volbrenging van Uw plicht.
Petrus:
Men wirdt wol is moedloas, domnij, want de for-dachtmaking is great iene wrald, en treft jin ek. Mar 't folbringen fan jins plicht, ta mien alders genoegen, forsachtet it leed dat men hat.
D r a a i s m a :
Dat mien eigen bern die wei opgjit, begruttet mij om him.
D o m i n ij (tsjin Petrus :
Dat is voor U, maar vooral voor U w door en door brave ouders, een harde slag, waaronder zij zeker zeer gebukt gaan.
D r a a i s m a :
Ja, domnij, hoe uws dat spiet, kin ik jou mei f;jin wirdden sisse, mar wij hoapje dat hij nog ienkear sa wies wirdt, dat bij it onsinnige fan sien begrie-pen iensjogt.
38
D o m i n ij ;
- Daarvoor moet IJ God bidden en hij zal het verloren schaap wêür op den rechten weg brengen.
B e 11 j e {komt iene doar en seit):
Dokters feint is hjir, en as minhear en de juffer ek thuws komme koenen, er wie in uwtfanhüvvser kommen.
Dokter:
Ja Bettje , sa daadlik. (Dokter en Petronella gean opstean om foart te gean.)
D o m i n ij (güt ek opstean):
Dan ga ik ook mee. 'k Zou toch zoo aanstonds vertrekken. Nu Draaisma en vrouw, het gaat U goed en ik wensch U tevens sterkte in deze moeie-lijke beproeving. {Sij faskje en gean allegjerre mei-enoar ta de doar uwt. It toaniel is in eagenblik leeg, dernei komme frou Draaisma en Bettje togearre op.)
Fr ou Draaisma:
Bettje, feije jou it thógju l ou en lis de leppelljes mar ien 't kistje.
Bettje;
Goed frou, dan mei 'k earst wol wat wetter helje.
(Sij geane beide ou, efkes letter komt Petrus en krijt twa sulveren leppeltsjes uwt de pantsjes wei en in skopke en docht die iene hme, en seit): Dat kin in middel wirdde, om fan uws taam ou te kommen {en gjit oaf).
Bettje komt op mei in greate kom en learen lape en faget it thégdi ou en seit oenderwieles) :
Ien twa pantsjes binne gjin leppeltsjes en er is al süker iene kopkes, hoe soe dat wease ? .... Soe Willem hast werom komme P Dal is gjin libben om uwt te halden. Alles is forkeard wat ik doch. As Petrus sien forsjinne lean ienkear krieget, dan sil de reek rare swart oer sien skoarstien waaije. Men soe sisse, hoe kinne twa broarren, twa soanen fan de selfde
:«»
alders, sa folie forskille ien karakter. (Sij set it thé-güd ien elkoar en leit de leppeltsjes ien t kistje, nimt de kom mei en gjit oaf).
F r o u Draaisma (komt op efkes letter):
Het thégüd is ouhimmele, kom lit my it kistje dadlik wer opbergje. Sij docht it iepen en telt de leppeltsjes nei, twakear): Hoe haw ik it nou, der matte twa skopkes waeze en 12 leppeltsjes. Er misse twa en in skopke. Sij telt se nog is nei en ropt bij de doar : Bettje !.. Bettje !)
B e 11 j e (komt op):
Wat is er frou ?
F r o u Draaisma:
Wer binne die twa leppeltsjes en 't skopke? Er matte 12 weaze en twa skopkes. Er binne mar 10 en 1 skopke, dus der misse gjuds.
Bettje:
Ik wiet it net frou. Ik tocht nies al, der binne twa kopkes der al süker ien is en er lisse gjin leppeltsjes iene pantsjes. Mar wer se binne, wiet ik net. Die hjir oppe tafel wienen haw ik ien 't kistje lein.
Frou Draaisma:
Sij misse er en die matte er wer komme.
Bettje:
Ik kin se net uwt de groen helje, en iene büse haw ik se net, en stellen even min.
Frou Draaisma:
Fan de middei wienen sij er alle toalf. Foar jou foart gongen leinen sij iene pantsjes en er bat gjin ien iene keamer west as jou.
Bettje (lilk wei) :
Dus dat is sa folie te sissen, dat ik se krigen ha. Wel fordomd. Ik haw net ien oait in heale cint te
40
koart dien, en sil ik troch jou foar in dief halden wirdde.
FrouDraaisma:
Sij matte toch hjir of der weaze, en op ieten binne se ek net.
B e 11 j e :
Mar stellen haw ik se ek net. Der slagt de divel ien, ik wol troch jou net foar in dief gean.
Frou Draaisma:
En doch binne se wei.
B e 11 j e {tige lilk):
Sjoch alles, wat ik besit, mar nei. Helje mar wie jou helje wolle, sij kinne mien klean, die ik oan haw, ek mar troch siekje, as sij er west binne, sille sij er wer komme.
Frou Draaisma:
Ik sil it tsjin mien man sisse, dan kin die er mar mei handelje, sa 't er wol. (Oaf.)
B e 11 j e :
Wel fordomd! wie soe him der foar hoed hawwe. Ik in dief! 01 Willem, wienen jou nou marthüws, dan soe 't wol onditsen wirdde, wie se had.
Petrus (komt op en seit mei mei in flaaijende stimme):
Binne er leppeltjes wei Bettje? Wat binne jou ontsjoer !
B e 11 j e :
Ja, en nou wird mij mar ien ienen for wieten dat ik se stellen haw.
Petrus (komt neijer bij har):
Foei! dat wiet mem wol better. As ik nou is wist wer se wienen, en sij kaemen er is wer, dan wie de kwestie uwt. Mar dan wol ik ek wat for-sjinje! (hij gnisket en komt neijer.)
41
B e 11 j e (gjit efteruwt) :
Dus jou wiete wol wer se binne ?
Petrus (skodhollet):
Né, dat just net. Mar it soe mij spiete, dat jou hjir foar in dief gean moasten, foi! dat ken net. [hij komt neijer.)
B e 11 j e (bits) :
Kom net tichter bij mij. Wat tink je wol, wa jou foar hawwo. As ik mien sin sis, dan haw jou iene keamer west, en de leppeltjes iene büse stitsen, om mij gemien te meitsjen.
Petrus (forheard):
Nou, die is ek moai. Ik de leppeltjes! hoe kom jou er bij. Ik wol jou goede namme, as 't kin, be-warje, en wirdt mei ontank Ijeane.
B e 11 j e ;
Ik soe jou tankber weaze matte'? Wer foar ? Om jou mij foar in skande bewarje wolle, sa 't hjit en tageliik oan in skande mij oerjaan, die mij neijer oan de kalde klean komme soe, as wer ik foar batige wirdt?
Petrus;
Wes mar net sa brimstich. As heit wol, dan stjit de gefangenis foar jou iepen.
B e 11 j e :
Wel nou, dan Ijeaver oender de blauwe laaljen, dan mien eagen dei slaan te matten for him, die ik leaf haw, for Willem. Ik wiet, dat jou mannich faam ien 't net fongen haw. De liederlikheid is men fan jimme folk gewoan, mar mei mij net, der kin quot;jou op oan.
Petrus (komt wer neijer):
Tink jou, dat alle Jan rap en sien maat mar mienes is ? Né ! (hij glimket) dat wiet jou wol better Bettje !
42
Ik hie al lang op 't eag hawn, om jou te sissen, dat ik jou leaf haw, mar Willem wie mii foar! O! it begrutte mij sa, dat jou bètige wirdde fan stellen, der jou gjin skuld oan hawwe, dat ik koe it net langer uwtstean, ik moast it jou sisse.
Bettj e :
Ik bin op jou leafde net gesteld, draag se mar oer op Petronella, ik bin er net mei sjinne. Ik haw Ijeast dat jou hjir wei geane en oars gean ik foart.
Petrus:
Tocht jou, dat Petronella mien sin wie? Volstrekt net. Ik tocht, sij hat moai wat cinten, en as wij ienkear trouwt binne, ken ik dat gjüd moai goed brüke, en sil ik wol sjen, dat ik mien leafde mei in knap jong famke diele ken. Mar nou ik jou better kennen learde Bettje, kin ik er net ta komme. Sieker, ik mien it sa tige goed mei jou. (hij wol de hannen om har hinne slaan.)
Bettje (slagt om har hinne):
Gemiene fint! Willem warskoude mij foar jou, ik lake er om, mar sjog nou dat hij wol geliek hie. Wier is 't. Men ken wer sjen wat gemienheit oender in fornaeme plunje skoelje kin.
Petrus:
Dus jou wolle giin foarspraek troch mij bij mien alders hawwe ?
Bettje (forachtlik):
Jou forspraek! Ik woe leaver! En dat sjen san pries! Doch 'mar wat jim mei jimme ondogense konsjinsje tinke te dwaan, ik bin onskuldig. Mar elk sil ik fortelle wat gemien sujet as jou binne.
Petrus:
Dan matte jou de gefolgen er fan ek mar oender-fiene. Tink er om, as er in sociaal foar de rjucht-bank komt, de hearen rjuchters dan wol wiete fan straffen.
4P,
B e 11 j e (bits) :
Sij matte mar dwaan, wat har goed tinkt.
Petrus:
Ik sil gean, mar tink er om, dat jou mien for-spraak ouwiest hawwe, dat jou dat djoer te stean kom me sil. (oaf.)
B e 11 j e ;
Och, och! wat 'n gemiene skarlun. Hij miende dat hij mij iene macht krije koe, mar dat foei him net mei. Forachtlik, dierlik zoodtsje, dat noch de müle spiele doar, dat wij it uwtfaagsel binne der wrald, en jin mei de stive nekke forbij rinne, te grutsk om uws te groetten. Sij miene boppe uws te stean, troch de rieksdaalders, mar leag, forachtlik leag is jim karakter. O ! greate weareld, as ienkear de greatte rekkendei komt, liek as bij de Franske revolutie al ear, dan wier san kop ek net te goed foar de guillotine. Hij hat de leppeltjes krigen om mij ien 't leag te fleren, (oaf.) Efkes letter komme Draaisma en frou Draaisma op.)
Frou Draaisma:
Hoe matte wij er mei ?
Draaisma;
Wel, de saak forfolgje! Dat gemiene folk bringt jin in hele bulte lijen oppe hals en soe 'n jou dit troch de fingers sjen wolle ?
Frou Draaisma:
'k Haw oars neat gjin onearlikens oan har ontdit-sen, en kin mij derom ek noch net begriepe, dat sij it dien hat.
Draaisma:
Wel, dat folk is ta alles ien steat.
Frou Draaisma:
Uwt earmoed hoefde sij it net te dwaen. Want sij
44
hat har héle lean nog te goede en sit goed in rak en dak.
Draaisma:
Tochten jou dan dat alle dieven uwt earraoed stielen ?
Frou Draaisma;
Mar om in waerde fan ten heechste twa goene *? En noch te mear skande fan har stjinoer Willem! Né, it wol net ien mij del.
Draaisma;
Wa soe 't oars dien hawwe ? En zij misse er doch. Der hat oars gjin ien iene keamer west.
Frou Draaisma:
Né, dat is ek sa.
Draaisma;
Petrus sei ommers al, dat sij net te fortrouwen wie, dus die wist er al wat fan.
Frou Draaisma;
Mar Willem fortrou ik oars frij wat better. En hoe soe die hart for in faam krije en seis forkearing mei har oanknope, as sij net earlik wie.
Draaisma:
Sokke froulju hawwe in listige tonge. En just, omdat sij mei die oproermakers omgjit, is sij net te fortrouwen. Die har beginsel is ommers oars net as stellen en roofen.
Frou Draaisma;
Man, wat fel jou dermei ek in oardiel oer uws eigen soan. Der hald ik mij leaver stil oer.
Draaisma;
De fjildwachter of maréchausées mat marontbean
45
wirdde, dan ken die de saak oendersiekje en proces-forbael opmeitse.
Frou Draaisma:
Om san kleinigheid, dat mat oars net.
Draaisma (lilk wei):
Né, de ondogensheit mat slipe wirdde, dat is better.
Frou Draaisma:
Is het net om har, dan woe 'k 't dwaan om Willem.
Draaisma (lilk):
Just, trochsette, dan kin Willem sjen wat gemien slet er trouwe wol.
Frou Draaisma;
Meitse jou er net te lilk om. Het is noch net ienris bewézen, dat sij it dien hat, en tink om Willem.
Draaisma:
Ja, sprék har mar foar. Willem ken wol in oaren krije, die him en uws better past as sij.
Frou Draaisma:
As wij Bet it jild bij de tied ou, dat sij tsjinne hat, betelje, wij halde har twa goene foar de lep-peltjes ou, en lit fjirder de saak blau, blau bljüwe.
Draaisma:
Roenom hjet men fan stellen sjinwirch, en de dieven krijt men mar in inkelde kear. En nou wij hjir de libne bij de deade hawvre, see men dan net forfolge? Né, dat net.
Frou Draaisma:
Ik soe it doch mar net dwaan.
46
Petrus {komt op):
Ik sis it mei heit! toifolgje. Het kwea mat strait wirdde. Mien oansteande snoar efter de tralies, dat klinkt moai.
Frou Draaisma:
Sil is er noch net ien!
Petrus:
Ik haw doch sjoen, doe ik uwt de keamer wei gong, dat ien ieder pantsje in leppellje lei.
Draaisma (tsjin frou Draaisma) :
Nou, der haw jou it dan. Der hjerre jou it seis. Het sprekt as de dei, dat sij it dien hat.
Petrus:
En 't koe ommers in zégen foar uws weaze. Willem sil har gau ouskipje, as hij it wiet. Ik die it te minsten.
Frou Draaisma:
Tocht stou dat Willem it Ijouwe sil? Der sil in raar onwaer opstean. Ik sil har uws forstel dwaan, wat ik nies sei. Nimt sij it oan, dan is it uwt.
Petrus:
Ja, as ik wol.
Frou Draaisma:
Dat mast dou wiette. Gean jim nou ioart. Ik sil it har ien goedens sisse. Begjint sij op te spatten, dan kin jimme mij helpe. (Draaisma en Petrus af.)
Frou Draaisma {ropt bij in oare doar):
Bettje! Bettje!
B e 11 j e {komt op, brimstich) :
Hienen jou mij roppen ?
47
Frou Draaisma;
Ja Belsje! Sjoch dat gefal hienen wij nou sa meijenoar oupraat. Wij wolle jou bij de tied ouleanje, as jou twa goune stean litte wolle, as waerde foar de formiste leppeltjes, dan prate wij fjirdor er net mear oer, der is de saek mei uwt.
B e 11 j e {lilk wei) :
Wat miene jou, as ik as in dief bij jou uwt it hüws gean sil ? Soe ik oan jou bitelje matte, wer ik nea mien bannen oanslien haw ? Nij, dat noait. Jou kin mij er uwt tsjoere, en ik sil gean. Mar dat swar ik jou, ik sil it bij de rjuchter oanjaan, as je mij derom op 't lean koarte. As bin ik mar in earme wees. ik stean op mien ear, sa beech as jou. Ik haw mien eagen foar gjin ien ea del behoeven te slaen, en der sil ik allied foar oppasse, wat er ik oer mien holle hinne waaije sil. Earlik bin ik, en sil ik bljüwe tot oan mien dea; Ijeaver stjerre as stelle.
Frou Draaisma:
Ja, ja! spin mar op, mar dermei krij ik mien gjüd net werom.
B e 11 j e :
En wol jou wiete, wie jou de leppeltjes ontstellen hat ? Jou eigen leave soan Petrus. Doe 't jou bij mij wei gongen, bear hij mij oan, de leppeltjes ien mien bannen te stellen, as ik mar an sien gemiene foarstellen foldwaan woe. Sjoch jou mij foar gemien oan, oendersiekje seis is, wat leave jonge jou it lib-bensljocht joen hawwe.
Frou Draaisma:
Wel fordomd, sist dou mien eigen bern gemien meitsje ?
B e 11 j e :
Hij hoeft troch mij net gemien te wirdden, hij is it al lang west. Dat rieke kanailje. As de faam de
48
han oan de doarknop slagt, wer minhear troch wol, dan mat sij earst mei in learen laape de hantaasten fan har gemiene bannen oufeije. Mar as desljipkea-mer opredden wirdt fen minhear troch de faem, of sinjeur healbeskonken nachts thuws komt, dan binne sij net sa fles fan san stjinsttaem. En dat is jou leafe soan ek net, frou.
Frou Draaisma;
Wel dou gemien frommis, dou skammest dij niks wat stou seiste.
B e 11 j e :
Wollicht had hij de leppelijes fanne tafel kngen, doe ik wetter helle. Mar doch mar, wat jim tinke dwaan te matten. De ijuchter sil mij frij sprekke, omdat ik onskuldig bin, mar jou soan sil ik oan de kaak stelle, en sien oansteande warskouwe, watoen-gelok har oer de holle hinget, as sij mei san krea-tuur trouwt.
Frou Draaisma (tige lilk);
Der uwt siste nou, bjir dadlik sis't dien jild hawwe.
B e 11 j e :
En in gelügskrift hoppe dien, dat ik jou earlik tsjinne haw.
Frou Draaisma:
Ik sil mien man roppe, dan ken die mei dij oarek-kenje.
B e 11 j e:
Lit him it jild mar helje, dan hawwe wij mei el-koar dien.
Frou Draaisma {ropt tusken de
skermen):
Kom hjir is. (Draaisma op):
49
B ettj e:
Ik wiet wol, as ik bij jim wei bin, sil mien na mme wol swart makke wirdde, en ken dan nergens wer plak krije. Dat is jimme wraak, mei'jim leave christelijke troanie. Mar ik haw soene bannen oan mien lea en 'k sil my redde. Praat Willen mar foor oer mien gemienens, doch jim best mar. Op sien earlik karakter kin ik steat meitse, hij sil mij net forlitte.
D r a a i s m a (lilk wei):
Dat koe dij wol is wat oufalle. Willem sil ek wol wat uwt sien eagen sjen, en san ien, as dou, ken er alle dagen krije. {Hij skoddet mei de fust.)
B e 11 j e :
Slaan gjin bannen oan mij. Tink er om, de socialen doare wol wat as it weaze mat, en dan binne sij net seafthandig.
D r a a i s m a :
Dat jim wat doare, haw ik nou al bij oenderfie-ning.
B e 11 j e :
Mar net op in onearlike wieze, liek as jimme. Hienen jim jimme net fan earmlju's arbeid riek stellen, dan hienen jim ek al lang oane diek stien.
Draaisma:
Nou is 't genoch, ik sil dien jild belje, en dan kinst dij stil balde. (Oaf.)
B e 11 j e ;
Ik mij stil halde'i Foar wie? Haw ik gjin jjucht fan praten, nou jim mien earlike namme ontnimme wolle ? Ik haw het rjucht toor en dat jouwt mij frij praaten. Kop jou soan mar is, dan sil ik sien ondogense striken,, is oender jimme eagen for-telle, wollicht kin bij him dan noch is forbetterje en minske wirdde. Mar hij doar toch net te kommen.
4.
50
Frou Draaisma;
Ik wol mien jonge fan dij net uwtskeld hawwe. Wij sille seis uws paadsje wol skjin meitse.
B e 11 j e;
Dan sil jim wis wol wat mei sines te himmeljen krije. Willem sil 't him wol is fortelle, weifoar ik nou de gelegenheid mis, en dan sille jou leppeltjes ek wol wer te lanne komme.
(Draaisma komt op mei it jild iene hdn.)
Draaisma (telt it jild op tafel uwt):
Der is dien jilt, en nou er uwt.
B e 11 j e (Sjocht it nei):
Wacht is, ik sil 't earst is nei sjen. Die twa goene wol ik er bij hawwe en oars gean ik net.
Draaisma (qooit twa qoene op 'e tafel);
Der hast se, en nou kinst ophalde fan skellen.
B e 11 j e (berget it jild op):
Jou hawwe net oer mien müle te beskikken. Praatten haw ik frij en sil er gebruk fan meitsje, nei ik forkies.
Draaisma;
Dien klean en kleankast mat er dadlik mei uwt. En dit sis ik dij, kom hjir net wer, want dan kenst er op oan, dat stou er onseft üwtrekkenst.
B e 11 j e :
Dat sil ik wol. Jou paadsje ken ek noch wol is hoblig wirde, en oars sil jou beste soan Petrus het wol sa meitse. En nou it beste en goed joen. (Oaf)
Draaisma:
Wat in finnige bek had sok folk. Sij binne fan de tongrieme snijdt, hjer.
51
Frou Draaisma:
Ik hie nea tocht, dat sij sa prate koe, sij wie al-tied wat ien har seis keart, en sei net folie.
Draaisma:
Sij skient it wol iene rekken hawn te hawwen, dat sij er uwt moast, want sij hie har gjüd al ien-pakt.
Frou Draaisma:
Soe it wier weaze, wat sij fan uws Petrus sei? Hij hat wol is in hopen malligheid, mar gemien ! né, dat Ijouw ik net.
Draaisma:
Ei kom, sij skammet har nichts wat sij seit.
Frou Draaisma:
It koe al weaze dat Petrus tusken beide ien de keamer west had. Doe wij Dokter en Petronella uwt-lieten, haw ik him net sjoen.
Petrus {komt op):
Kom, de faam is der uwt ?
Frou Draaisma:
Ja, mar sij had wat sein, dat uws net smakket.
Draaisma:
Fortel uw de wjirheit, mar earlik de wjirheit, hjer!
Petrus:
Nou, wat dan ?
Frou Draaisma:
Sij sei, dat stou har forslein hieste, om onearlike handelingen mei har te dwaan, en dat stou dan oan har de leppeltsjes werjaan soeste.
Petrus (forheard):
O, wat gemien, net? Ik mei die faam onearlike bedoelingen hawwe ? Ik mei san tsjinstfaam ! Och, och!
52
Wat binne sij al gemien. Hoe soe ik er seis om tinke, ien mien positie ! Het soe ommers troch en troch gemien weaze.
Frou Draaisma:
Né jonge, wij Ijouwten it ik net!
Petrus;
En ik soe de leppeltsjes hawwe ? Ik haw ommers net iene keamer west! Sij hat se, en oars gjin ien. As ik se hie, dan hie 'k se ommers oerjoen.
Draaisma:
Wat hie Petrus oan sok dwaan, dat begriep jou wol.
Petrus;
As alle nije wraldhervormers fan dat skai binne as sij, dan sil 't wol goed komme. Dan krije de timmerlju drokte om nije tichthüsen te bouwen.
Frou Draaisma;
Willem gjit in raar lot te mjitte, och wat griest it mij oan om de jonge.
Draaisma;
Ik sil Willem te kennen jaan, as hij it net litte wol om mei dat folk zich te bemoaijen, ik dan mien maetregels nimme sil.
Petrus;
Der had heit geliek oan. As hij net oars wol, dan mat hij de gefolgen er fan ek mar oenderfine.
Frou Draaisma; (tsjin Draaisma):
Doch mar gjin dingen, wer jou letter berouw oer fiele. Wij hawwe mar twa bern, en mei goedens komt men fjirder dan mei lilkens.
Draaisma: (lilk wei) :
Baas bin ik, en wol 'k bijouwe. Ik kin toch ek net duldsje, dat sij mei hoassen en skoan oer jin
53
hinne waldsje, wol ? Men had er sjinwirch genoch oan, de selde te bijouwen. Jimme hoewe mij net sjin te wirkjen.
Frou Dr aaisma;
Oer Willem sien betoeftens en fliet iene handel, hawwe jou net te kleijen.
Draaisma:
Dat wiet ik wol, mar der is it allinne net goed mei te meitsen, wol ?
Frou Draaisma:
Mar dat is toch ek in great foarrocht.
Draaisma: (sjocht ta it fenster uwt) :
Mar, komt Willem der net oan ?
Petrus:
Ja, dat is er. Kom ik mat nédig oan mien wirk.
Draaisma:
Sist stou him dan net forwolkomje?
Petrus:
Hij sil strak wol bij mij komme, ien 't kantoar. (Oaf.)
Draaisma:
Hij komt gau werom. Het sil mij benije, wat reis hij makke hat. Ik hie him nog net werom for wachtte.
Frou Draaisma:
'k Bin liekwol mar blied dat er wer thuws is. Mar wat sil 't er foarstean, as hij hjert dat Bet uwt de tsjinst is. Och, och !
{Willem komt op, oer jas oan en 'n hoed op.)
Willem:
Moarn heit en mem ! Soen bin jim nog?
54
Draaisma (fasket mei Willem):
Best Willem, hoe is 't mei dij ?
Frou Draaisma;
Best jonge ! In goede reis hawn ?
Willem;
Der haw ik net oer te kleijen. Straks ien 't kan-toar kenne wij wol oer de saken prate. Bij oom ien Amsterdam haw ik ien nacht west. Best op stap en de complimenten, en sij soenen graag is sjen dat jimme ek is kwamen.
Draaisma;
Kom! Woenen sij dij net langer halde ?
Willem;
Hoe is 't mei Bet ? Ik seag har nies net iene keuken. Is sij om in boadskip it djoarp op?
Frou Draaisma;
Ik sil dij wat nijs fortelle, der sist raare fremd tsjin opharkje.
Willem;
En dat is ?
Frou Draaisma;
Bettje is uwt uws stjinst wei?
Willem;
Bet uwt.... de stjinst.... en werom ?
Frou Draaisma;
Dat sil ik dij sisse. Wij hienen thédrinkers hawn, en hienen derbij sulveren théleppeltjes brükt. Sij had letter het thégjud ouhimmelje en doe misten er twa leppeltjes en in sukerskopke, en....
Willem (lilk):
En doe dochten jimme dadlik, dat sij die krigen hie ? omdat in tsjinsitaam har dermei forriekje kin !
55
In buwtenkansje wollicht foar jimme, moglik wol seis klear makke, om fan har ou te kommen, en iene hoap dat ik har derom ek forachtsje soe. Né!...
Frou Draaisma:
Dou mast dij net lilk meitse, jonge!
Draaisma (lilk):
It is beweezen dat sij it dien hat.
Willem;
Bij jimme, fan seis! Lied mij mar gjin bliene hiensers foar dn doar, ik bin fan ien maaije sa aid net wirdden. Dan tochten jimme, dat sij har for-riekje woe, mei in waerde fan miskien in daelder. Dat har ear en goede namme har net mear wirch wie ? Wat onnoasel!
Draaisma:
Mar ek om har finnige bek stjinoer uws.
Willem:
O! ja wol, dan moast sij ek noch tsjin oer jimme seafsedige wirdden brüke, omdat jim stan sa folie heecher stie as harris en jimme gjin beleedingen of wjirheif? fan in stjinstfaem oanhjerre woenen. Sij soe wol wiezer weaze, en har rjucht fordedigje, sa folie sij koe.....
Draaisma:
Mar foar master opspielje en gjin ontzag foar har meardere hawwe, dat is better natuurlik!
Willem:
O, zoo ! dan tochten jimme har meardere te weazen , troch jim jild en wat moaijer klaaijing natuurlik ! Dat makket bij jim in minske ! Bij uws net. In earlik hert, oender in skamel kleedsje, is foar de sa-menlibbing mear wirch, as in heeche slan soender karakter.
56
Draaisma-
Dou sist it wol wiette, mei al dien geleardheit. Dat bringt dij gjin iten iene müle. Moglik komst noch wol is bij uws mei hingjeade poatsjes, dat stou honger hastte.
Willem;
Dat soe jim wolle, mar sa lang ik mien soene lea haw en san pear hannen, dan net, heit !
Frou Draaisma:
Lit uws elkoar it bloed net warm meitse.
Draaisma:
Het gjüd dat wij misso sil er wer komme, en dermei uwt.
Willem:
Tochten jim, dat Bet foar in dief gean wol, foar wie ek ? Sij sil net stil sitte, foardat har eare hersteld is! Mar né, dat sil ik dwaan.
Draaisma (lilk):
Dou sist wat.
Willem (mei de fusten oprolle) :
Sij uwt mien alders huws wei jage, omdat.... sij in dief, in uwtfaagsel fan uws maatskappij is ! Oppe diek smieten omdat.... sij mar stjinstfaem is, jawol. 'k Hie 't wol forwachtte, dat er gemiene streken uwthelle wirdde soenen. 'k Wist troch oenderfiening dat men ta alles ien steat is, stjinoer in mindere, 'k Wist dat, mar ik mocht net tinke, dat mien alden leag genoch sonken wienen, om in earlike, oprjuchte stjinbaero, fan in died te betïgjen dat sij Ziargelieken in de fjirste fjirte net ien steat achtsje te dwaan. Mar né! Sa leag staan jim net. Onkunde en foar-oardiel blaast it misdiedige ien jim ear, 't is it ka-rakterlooze, füldachtige wirk fan mien broer, dat jim sa handeljen die. Petrus! die namme waer ea forflokt troch de geloovigen, omdat hij gjin kearel
57
wie, dou dochst dien namme ear oan, omdat stou nceh karakterloos boppedien biste. Dou woest Bet ien t lij en helpe en oars gjin ien, het is dien, wirk.
i lswar as ik dij ien mien fingers krij ; uws rekken sil slüten wirde, mar mei foldien;'deT kenst op rekkenje. De trjinnen die er wollicht troch Bet lorgetten bmne oer disse zaak, sil ik dij betelle sette.
IT GORDIEN FALT.
TREDDE BIDRJUW.
In ienfaldige arbeiderskeamer. Jetske en Betlie sitte elk oan in kant fan de tafel te naaien, de letste mei in naaimachine for har.
Jetske (sjocht fan har naaien op) :
Sij jou ek nei dat plak skriuwe, dat jister iene krante stie, Bettje ?
B e 11 j e :
Né! Ik sjoch er raar net werom. 't Is toch altied mis. k Haw natürlik gjin getügskrift, en de saak is nog net ouhandelle.
Jetske:
Derom hoewwe jou it net te litten. Sij hawwe oramers gjin getugen. Hoe kenne sij jou dan fonnisje.
Bettje:
Ik mat toch te minsten sa lang wachtsje. Men soe de dievel ien jin binneste krije, onskuldie te weasen en dan troch sok folk derfoar oppe rê* oan-sjoen te v/irdden. 0
58
J e t s k e ;
Dat kin jou mar nimme sa 't is. Sij nimme al frij wat mear rjuchten, as sij uws tastean wolle. Foreinigje wij uws, om meijenoar te forkrijen, wat ien net ken, dan binne sij er bij as aide roeken, om dat loareinigingslibben te fornietigen. .Sij swoargje er foar, dat er nichts tan uws siede ta stati komme kin. As sij wiete dat er in faem lid fan de iene of oare boen is, dan wird sij dadlik, as in bont biender, branmerke, en kin foar har lidmaetskip betankje of sij wirdt dea ienfaldig wei jage, en nergens fient sij wer plak, der passé sij wol op. Hienen sij it iene macht, dan lieten sij uws fan honger stjerre. De froulju ien 't algemien haw we al in bitsje rjuchten. Uwt de heeche stannen soenen sij ek meiwirkje tocht mij, om folie onrjucht ien dat opsicht omfier te smiten, ienplaets fan stjin te wirkjen.
B e 11 j e :
Jou soenen sjen, as sij de froulju it stimrjucht joegen, dat sij har troch forienigingen sterk meitse soenen, mei de beste manlju, om de jeneverflesse b.v. foar goed op te bergjen.
J e t s k e ;
Dan waer der allinne al sa folie mei woen, dat it rinte dwaan koe.
B e ttj e ;
Dan soenen wij is besiekje, dat wij ek net even goed baes oer uws ienkomsten weaze mochten, as de manlju. Dat sij die opmeitse meije, soender er uws nei te freegjen.
J e t s k e :
De wetsartikels, die uws dat rjucht ontnimme, stieken wij gou in lögje ien, en soenen sisse, elk baes oer sienes. Hald dij goed maet, dan sille wij in forbientenis of contract meijenoar oangean, mar ik wol mien stim ien 't kapittel halde.
59
B e 11 j e :
Dan keatn er wis better oarder op die sljouwe boekhalders. Want as 't wief it saakje net sinnige, en sij naam har kaptaeltsje uwt de zaak, dan koe de man wollicht oppe neilen bite.
J e t s k e :
De measte manlju soenen wol wat makker wirdde as sij nou faak binne, wost wol Ijouwe, Bet?
B e 11 j e :
Dan soenen wij meijenoar ek gou mei de mode brekke, dat de manlju de froulju freegje matte, as sij boaskje wolle. Werom kinne en meije wij dat net evengoed dwaen, as sij ?
J e t s k e :
Beider geluk is er oan forboen. Die falske skaamte mat er uwt. Elk frij ien sien keuze, mei wie er it libben lans wol, de faam sa goed as de feint. Die net wol ken frij.
B e 11 j e .
In pear, sa foart, foar al tied oan elkoar te forbie-nen, dat hoefde ek net. Voldie it goed, dan bljouw-den sij fan seis bij elkoar, soender dat de wet har needsake.
J e t s k e :
Nou, dat sil moailik te regeljen weaze!
B e 11 j e :
Werom net, dat sjoch ik net ien.
J e t s k e :
Sa lang as er gjin bern kaemen, wier dat net sa slim. As sij net meijenoar koenen, roen elk wer sin eigen wei. Mar mei bern wie dat minder.
60
B e 11 j e ;
Dat stem ik ta. Der soe de wet ien foarsjen matte. As bijvoarbield, it wief foar ien tredde en de man foar 't oare libbensoenderhald der bern soargje moast, dan waer dit gjin great beswier, en dan koe de wet de bern oan har of him of beide tawieze, die de beste waerborgen foar de opfieding jaen koe. Inkelde gefallen fan zwakke of siekelijke alders, soe men fan de rigel ouwieke matte, mar dat is gjin bes wier.
J ets k e:
As wij ienkear sa fier komme, dan hoe wwe wij ek sa net mear te ploeterjen foar 't brea, as nou.
B e 11 j e :
En men koe, om elkoar goed te kennen telearen, ek in proeflied stelle.
J e t s k e :
Hoe dan ?
B e 11 j e :
Trouwe foar de wet, hawwe wij beide de gek mei. Jou hawwe 't dien, omdat de man en alder® it hawwe woenen. Mar as bijfoarbield, twa jonge herten oan elkoar foarboen wirdde woenen, elkoar it mienden, en sij libben in roen jier te gjerre as man en wief, en it foldie net, sij pasten net bijelkear, troch forskil fan karakter of oars, dan koenen sij wer bij elkoar wei gean, sa se bij elkoar komt wie-nen. Wienen er omstandigheden, die beswierlijk wienen foar de frou, dan moast it al in herteloase kearel weaze, die sin pligt net die als man, en de wet koe him der ek ta needsaakje, as wienen sij net langer bij elkoar, wat dan ek foar beiden it beste weaze soe, omdat sij net bij enoar pasten. As er wat mear wittenschap oender 't volk kaem, soenen die foarfallen mar inkeld foarkomme.
J e t s k e :
Dat wie liekwol better foar de feint te waegjen, dan foar de faam.
61
Beitje:
Werom ?
J e t s k e ;
Wel nou, de faem koe letter sa goed net bij de manlju te kar gean.
B e 11 j e;
Dat is in opfatting fan jou. Foarearst soene sij sa onbetocht net bijenoar gean, want de man hoefde net te tinken, dat hij allinne baas wie. Het trouwen allinne om 't jild, rekke uwt de mode, omdat it wief baas bljouwde oer har eigen goed, en sij dan ek even goed foartgean koe as hij, as 't net befoel. Lei de skild oan him, dat sij bijenoar wei gongen, mei in jier, dan waar sij derom heger achtte, en soe gjin ien har derom minachtsje, wiels de man sien avon-tür er net better op wirdden wie.
J e t s k e :
Jou begripe mij net. Soe de faam er net minder om bij de feinten iene pas stean, as sij in jier bij in öaren forkeard hie?
B e 11j e;
Dat is in dwase foroenderstelling bij jou. Ik sei ommers, dat sij er net sa gau ta oergean soenen, om elkoar trouw te swarren. Om in wiesewasje of kleinigheid, gongen sij net wer bijenoar wei, as sij ienkear bijenoar wienen, en dienen sij dat al, omdat de karakters ot sa, net meijenoar oerien kaamen, dan wienen sij beide er geliek om. Der koenen bij sommigen nog dwaese foroardielen bestean, doch der laket toch ongetwifeld in ontwikkeld persoan om.
J e t s k e ;
Nou, ik wiet net.
B e 11 j e :
En sij hoewden ek net earst in roen jier bijenoar te weasen. Bliekte it dat sij alhiel net meijenoar
62
oer de wei koenen, dan koe die tied inkoart wirdde, tot in heal of fearnsjier. Dan stienen sij beide wer op frije fjoatten.
J e t s k e ;
Het sil noch wol wat oanhalde, as het salier komt. Doch folie lijen, foaral foar de froulju, koe troch san opfatting as jou hawwe, foarkomt wirdde, en wie alteast in hele foarbettring, want it lijen dat sommige froulju troch har manlju hawwe, is mei gjin pin te beskrjuwen.
B e 11 j e :
Mei dwase foaroardielen hawwe wij noch in hele boel te strieden, mar mear noch sjin de onwilligens der hearsjende kliek. De greaten hawwe safolle gjin belang bij huwsgeluk as wij Ijouwe, sij siekje har genot iene sociteit, en de dames bij oare, faak lang net onskuldige pretjes. Sij hawwe dertroch in hiel oar begriep van houwlikstrouw as wij. Wat sij faak noch earbaar ilene, wirdt bij uws bninmirken as in hoarreboel.
J etske:
De zedelikheit behoelt men net bij de sreatte liu te siekjen.
B e 11 j e ;
Omdat sij har safolle frijheden foaroarloofje mei bern uwt it folk, miene sij, dat wij fan in minder soarte binne as sij, en kenne uws gelok net. Sij wiete, sa 't lieket, de eisken net, te minsten sij bemoaije har er net mei om it te wieten, of te oun-dersiekjen, wat er oan hapert, dat de maatskappij op stelten gjit, die al mear en mear begjinne te wankeljen. Bijouwe sij langer doaf foar de billijke eisken fan 't folk, dat foar har seis in gelok begje-arret, dat te forkrijen is, dan sil ridlik gau in stjoarm har iene earen n'isse, wer it slot fan is, nou gjin genade mear.
63
J e t s k e :
Lit har dan is hongerlapje en heal neaken rinne, en foar it minste misdrjuw, in dubbele straf op it baitsje jaen, dan fiele sij wat it folk al lang fordragen had. En kin sij wieto, dat de straffe foar inkele fan har, alteasi nea te swier weaze kin.
B e 11 j e :
Mar de arbeiders hawwe er ek skild mei oan. As sij it swiere juk fiele, dat op har skouders drukt, en sij wolle net in han üwtstekke omdat er ou te smieten, dan moast men sokke sljipkousen harsljip-moetsen oer noas en earen hinne loeke, en lit har mar stil oan har lot oer.
J e t s k e :
Foi, wat fonnis felle jou, oer jou meiminsken. As sij mar mear ontwikkeld wienen, en de mage fol ieten, en de lea waerm bedekke-koenen, soenen sij de sliep ek wol uwt har eagen wrjüwe, en gau wiette dat sij even neadsakelik iene samenlibbing, ja noch nuttiger binne, as de man mei de heeche boorden en wiete manchetten oppe vingerseinen.
B e 11 j e :
Men kin er wol is nidich om wirdde, dat in boa-pen arbeiders har slaan en traapje litte, en nog mei in wolmienend knikje, tankje wol, sisse.
J e t s k e :
Hald it altied foar eagen, dat de dwang oeral, en op tarskillende wiesen uwtoefene wird, en sij gjin finger iene jiske stekke kinne, of sij wirdde bekipe. En as dan de mage ropt fan wief en berntjes om brea, dan kin 'k mij wol begriepe, dat de moed foar oendersiek, en opheiTing uwt har ellende er uwt gjit.
B e 11 j e :
Ontwikling ! Ontwikling ! ropt hij, die mei it Volk it goed mient. Stop! Stop! ropt domnij, pastoor
64
of Rabbi, mei domheid kin ik bar't best brüke, binne sij brüksamer werktügen, rinne sij epticher ien 't gareel fan 't wirk, halde wij it langst de teugels iene bannen. Wij sille wol bidde, fbar uws riek traktement, as jimme letter in great lean krije meije, toe mar earme bodders toemar, het komt ienkear goed.
J e t s k e ;
Wij sille opkomme foar uws i juchten. Wij wolle gjin foartdweilen fan de manlju wease. Wij matte arbeidsje om de kost mei 1o forsjinjen, dan wolle wij ek erkent wirdde, dat wij te minsten even nuttig binne as de manlju. {Bouke komt op, krijt in krante uwt de büse, gjit bij de tafel sitten en least.)
B e t j e (sijin Jetske.)
Ik haw mien wirk ou, en sil it oanstonds mar te plak bringe. Gean jou efkes mei de boarren ien ?
Jetske:
Ja, dat kin wol. Bouke bljouwt toch thus ried ik.
Bouke:
Ja, ik wol nog wat krante lease.
B e 11 j e {stjin Jetske) :
As jou klear binne, gean wij mar (beide oaf.)
Bouke (sjocht op uwt de krante wei):
Uwt wat lan de berigten ek ta uws komme, roenom least men fan oentelredenheit mei it besteande, en de iene mient op disse, en de oare op in oare manier de oplossing foen te hawwen, om meijenoar ien frede en genot libje te kennen. Doch sil it goed komme, dan moat er in greatte foroaring pleats hawwe, en mat it mearendiel beseife, dat wij net oppe wrald binne, om de iene de oare as slaef te brüken. As wij allegjerre ta in goed gehiel mei wirkje matte, en dat sil 't wol, dan matte wij alle-
65
gjerre meijenoar ek te wieten hawwe hoe! As in-kelde har seis oanstelle om de foarwaerden te meitsen, dan binne die ek grif it fordeeligste toar har seis.
Willem {komt ien en seit):
Goeden avond, Bouke!
B o u k e :
Ek goen joen, Willem.
Willem;
Is Bet net thüws.
Bouke:
Zij is tlï'f nisjes mei Jetske, de buuren uwt, mar sij komme gou werom, nim pleals. (Jouwt in stoel.)
Willem:
Wie'n jou oan 't kranteleasen?
Bouke:
Ja, men mat wat oppe heechte fan de tied bijouwe.
Willem:
't Gjit goed mei de saken sjinwirch.
Bouke:
Wij hawwe neat te kleijen, sei 't aid wief en sij siet mei 't gat iene brannettels.
Willem:
Sij meije har blied meitse, dat het foreiniginslib-ben wat uwtstoan liket te waesen, de wirkzaamheit fan de afdielingen wat oppe rêg leit, de stilte wiest alteast op it naderjen fan de kcmmende stjoarm.
Bouke:
Mear en mear sjocht en fielt de burgerstan, dat har tastan oenhaldber wirdt. De concurrentie fan 't kaptael slokt alles op. Al greater en greater maatschappijen, vennoatskippen of truts nimme de lietse en eindlik de greaüe keaplju te pakken en meitse fan har arbeiders. De foartbringing wirdt geande wei greater, troch de nij ien beslach nomde frucht-
66
bre lannen ien oare rieken, de arbeidersleanen wirdde al leager en leager, de keapkreft is forlern van miljoen minsken, sadat, tsjinoer de greatste earmoed, in oerproduktie ontstjit van allerhande waaren, wertroch al riedlik gou sommige fabrieken slüte matte. Er wirdt troch de fabrikanten net freegje, dat de arbeiders, troch die slüting, wirkloos wirdde, en dertroch breagebrek ontsljit, né, sij wolle in tige rinte van har ienlein kaplael hawwe, ken dat net, dan ophalde.
Willem:
De foartbringers oppo groen, de boerren, stean ek ien net better conditie. Troch forieniging, koe fan har kant de earste stoat joen wirdde, dat sij net mear har liene litten as pompmachines for de lan-eigenaars. De iene nei de oare lit him mar stil it baitsje uwtlüke, en er stean altied wer nije klear, die wol graeg it selde lot oendergean wolle.
B o u k e :
En de lanhjerren laitsje ien har foesje, om de on-noaselheit der boerren. Sij barre, as 't moglik is, oppe tied har lanshier en dan matte de lienkoek en moalleveransiers of winkellju mar wat wachtsje. Min-hear moat earst sines hawwe.
Willem;
Tige freunlik is san lanhjerre tsjin sien boer, as or nog goed wat te heljen is, mar ek like noardsk as er it fel fan de boer, oer de line oppe solder bat.
B o u k e {glimkjende):
Dan meije de lanhjerren meijenoar nog wol is in felleblooterij oprjuchtsje fan de stroepte boerevellen.
Willem;
Nou, der keam wirk can de winkel, der kin jou op oan.
B o u k e ;
Sa lang as de groen net oan de gemienskip brocht
67
wirdt, konne sij arbeidsje, bodsje, wrotte sasijwolle, de lanhjerre krijt sien cinten en ten leste sij oppe diek.
Willem;
De hierren sille, moutte leager wirdde, mar ek de pries der waaren, sadat de tastan net forbettero wirdt. Sa lang de boerestan noch jild hat, melke de lan-hjerren har stil uwt, hast soender dat sij 't mcrke. Is 't op, wol nou, dan foreinigje sij har tot maet-skappijen en nimme de exploitatie seis iene bannen, dan kinne de uwtstroepte boeren noch tsjinst foar har dwaen, mei in liets deihierke. Soenen sij dan noch foar de moardneis fan har hbbensgeluk biige en knibbelje as earstieds? Doch it; méne, mérie, tekel, sljit ek foar de lanhjerre oppe mjurre skrean, sij meije har mei bannen en fjoatteri er sjin for-sette, de groeneigendom skaft zich seis ou en wirdt foar de greate besitters seis waerdeloos.
D o m i n ij (komt ien):
Dag zarnen. Kom dat zal ik treilen. Is de vrouw en Bettje niet in huis?
Bouke en Willem;
Dag domnij ! Bouke seit): Sij binne efkes foart. Zoo, moat domnij uws hawwe ?
D o m i n ij:
Ja, wat zal ik zeggen. Ik wenschte wel eens met u te spreken en ik zie tot mijn genoegen ook Mijnheer Willem hier tegenwoordig. (Bouke jouwt him in stoel en gjit sitten.)
Willem;
Dus dat trelïe jou dan alhiel, domnij !
Bouke;
Wol domnij ek in piep of sigaer oanstekke ?
D o m i n ij ;
Dank u. Ik heb op het oogenblik geen lust tot
08
rooken. Ik wenschte met u beiden een oogenblik te spreken, als herder er leeraar in deze gemeente en moet met verwondering zeggen, dat ik u beiden nimmer Zondags in de kerk zie.
B o ii k e ;
As ik deis arbeidsje mat, dan lês ik sneintemoarns de kranten en de neimiddeis kuijere mien frou en ik wat, of praatte is oer de huwsbalding, sadwaende baw ik gjin tied om nei tsjerke te gean.
Willem;
En ik hald mij mei die malligheid net op.
D o m i n ij ;
Bouke zijn motief is nog eenigsins te billijken , maar de uwe. Mijnheer Willem, vind ik hoogst treurig.
Willem:
En werom ?
D o m i n ij ;
Dat zal ik u duidelijk maken. Ik vermoed dat wij des menschen leven hier op aarde zeer verschillend beschouwen. Van bijbelsch standpunt, waarop ik sta, beschouw ik dit leven als een voorbereiding tot een later eeuwig leven, na den dood. En moet alzoo onze werkzaamheid bepaald zijn, om zooveel mogelijk rein, dat is, zondeloos te zijn, als de dood ons ter verantwoording onzer daden, voor den hoogsten rechter oproept.
Willem:
En nou sil ik domnij sisse fan wat stanpunt dat ik it minskelibben beskouw, dan kinne wij sü verder redenearje. In dier, dat sien frijdom hat, sieket zich te foarmeitsen mei wat de natür him biedt. Sa ek de minske. Hij moat soargje dat er hjir de greatst mogelike wille hat. De ierde hat er te bruken foar wat er noodig hat, en kin er tagelik ek brüke foar sien ontspanning, foar sien genot. Hoe mear er zich
tiO
ienspant, om de natür te begriepen, des te greater wirdt sien foarstan fan de dingen die er sjocht en ondersikje ken, en wat greater it ijild wirdt, wer hij hitn op en mei formeifcje kin. En dat is sa moai, dat hij nea genoch leart om alles te begriepen, mar steeds stréfet om sien kennis te foargreatsjen, mear wille te smeitsen. Doch, as troch de wetten der machthebbers foarbean wirdt, om ta mij te nimmen wat mines is, dan benimme sij mien trijdom, mien genot. Haw ik derbij noch te soarpjen foar it héger ik ien mij , dan kom ik dermei net iene laar bij jou, want dan fien ik gjin oerienstimming mei jou Gods idee, en uws aller mem, de natür.
B o u k e :
En nou Willem it seit, bin ik frij, mien geloaf be-liedenis ou te lissen, omdat ik er alliek oer tink as hij. De dea is oars neat, as in stofwikseling.
D o m i n ij (tsjin Willem):
Dus, dan verwerpt u beiden alle inmenging en gezag van een hooger wezen, dat men God noemt en heeft u slechts rekenschap te geven aan u zeiven, omtrent het bevorderen van uw eigen levensgeluk.
Willem;
Sa is 't domnij. Jou Ijouwe naturlik dat Adam uws iene nekke skopt had en dat wij deroan noch altied sukkelje.
ü o m i n ij :
Ik verzoek u den spot niet te drijven, wat voor mij en millioenen met mij, heilig 'is. Ik wil uwe meening eerbiedigen, doch wensch ook de mijne ge-eerbiedigd te zien.
Willem:
Is sij net ien stried mei gesoen foarstan, dan wol, mar as sij op it gebied fan inkels Ijouwen, soender waer-borg is, dan kin ik foar san miening gjin respect hawwe en kin se net wardearje.
70
B o u k e :
Né, ik ek net.
D o m i n ij :
Daar wij gelooven aan de wording dezer aarde, door eene hoogere macht, die zijn wil verder heeft opgeteekend, door hem geinspireerde personen en wij die wil vinden uitgedrukt in de bijbelboeken, daar achten wij zijn bestaan verzekerd en hebben wij slechts die boeken te raadplegen, als de zekere gids, die ons ten leven leidt, en opleidt tot een eeuwig, gelukzalig leven, na den dood.
Willem;
En de wittenskap wiest it ommers uwt, dat de tiedrekning fan die skepping omtrint 6000 jier al fier mis is en disse planeet al ettelike miljoenen jleren bestien hat. De geskiedskrjuwers, die nou libje, wiese it sinneklear oan, dat de bibel, de geskiednis bevat tan in enkle aide volkstam en fjirders mei fabels, legenden en oare grap makke rij en fol stjit. As men alles Ijouwe soe, as wier bard, wat der ien stjit, dan moast min wol sa dom wease as it efterein fan in barg, en.. . lit mij er bij foegje, jimme Ijouwe it ik net.
D o m i n ij :
Men kan niet letterlijk aannemen alles wat in den bijbel staat beschreven. Veel zal men door nader onderzoek en vergelijking tot klaarheid kunnen brengen.
Willem;
Dus, dan soe dat hooger wezen, ek nog prullewerk leverje hawwe, dat net elk begriepe kin.
D o m i n ij ;
Door vertaling is veel van het oorspronkelijke verloren gegaan, maar ook hierin staat de wetenschap ons ten dienste van geloovige mannen en brengen
71
zij allengs meer licht, voor wat ons nog duister toeschijnt.
Willem;
Dan siekje jimme ek al nei de wjirheid en komt dat al net oerien mei wat jou nies seinen, dat it Gods wird wie, dat iene bi bel spriek. En as alle minsken dat as rjuchtsnoer brüke moate foar in eeuwig heil, dan moast dat ek foar elk düdlik weaze.
B o u k e ;
Hark ris domnij, de boekdrukkunst wier er foar 1400 net, en wienen er doe mar inkelde minsken die lease en skrjüwe koenen en dat sille wis wol fan de foarnaemste west haw we. En as wij nou sjogge, hoe dat forname folk de boel foarknoeije, sa sij de measte fruchten plukke kinne, dan sil dat ien die aide tied ek wol sa west hawwe ea sil dat spultsje sa folie wol foarknoeid wease, dat sij, as wjirheid, foar uws minsken har saligheid, weinig waerde mear hat.
Willem:
As it aldste hanskrift dat fan de bibel bekend is fan sa wat 900 jier nei Jezus geboarte dagteikent, as die er west is, dan rinne mij der fjirst te folie jirren tusken beiden, en dan hawwe uws aldjes ek net best past op het godswird, dat er safolle exemplaren wei rekke binne. En sjenwirch liegt men, fan it nei foartellen, as 't wat docht, en werom doe net ?
D o m i n ij :
Laat ons van dat punt afstappe, het ontstaan des bijbels, en zeg mij liever waarom u alle godsdienst minacht? Is dat bevorderlijk voor de opvoeding van het menschdom, en speciaal voor den werkenden stand ?
Willem:
As men sien waeren oanbiedt en priesget as heil-saem ien 't gebrük, geliek as jou domnij, en men
72
wiet dat sij foarfalske binne, dan warskouwe wij de minsken er leaver foar, om se net oan te nimmen.
D o m i n ij :
Dat is uwe meening, doch duizenden in den lande zijn die opvatting niet toegedaan, en waaronder voorzeker velen, die verstand en wetenschap genoeg bezitten om zelfstandig te kunnen denken.
Willem:
Dat kin wol wier wease. Mar it jild spieiet ien uws foarrotte maatskappij de earste fioele, en om te stemmen brukt men de godstjinst ta de twadde. As de earste de toan oanjouwt, wirdt de twadde er nei stimt, om in goed geheal te meitsen. Nou jimme de twadde fioele iene bannen bawwe, is dat ek in gewichtige betrekking, en kin jim faak net freegje wat rjucht is; jimme sitte boen. Ik soe him er lealer binne lisse, want jim binne nou ek de oarsaek mei fan de greatte ellende die er bestjit, drukt ek op jimme skouders it skrjuwende onrjucbt, dat jimme mei de wjirheit wol is hjerre, de stem nei rjucht.
B o u k e ;
Wij hawwe lang genoch iene stille baresting libbe, en Ijouwd wat jimme as wjirheit opdisten, mar wat jim seis net skiene te foartrouwen.
Willem:
Jim litte it ien jim tsjerken uwtgalme, hoe leaf as dat hoogere weasen sien hern bat, en oan de meagere, bleeke gesichten fan de alden, en de stumpers fan bern, kin men sjen, dat sij honger leije en
kjeld, dus dat is____kattelj oafde, dat is in greatte
leugen ot... . jimme liege de minsken, om mar plat uwt te drukken, foar, dat hij it hawwe wol, want seis libje jim ien sien stjinst fan in great tractement, mei spek en fleis oppe tafel, en meitse jim it sa nochlik moglik. En werom? Hawwe jim derop mear oanspraek as oaren?
D o m i n ij :
Ja, dat zijn van die toestanden, die noodig verbe-
73
tering behoeven, en zijn wij ook al riruk in de weer, om daarin verandering te brengen. Vooral ook door de uitgebreide vereeniging »door arbeid verbetering®, onlangs opgericht.
B o u k e (gniskjende):
Sil jim dermei it spul oplapje ? Dat sil wat wirdde.
Willem:
Hoefolle jim oerhawwe foar de earme bloeders ien de Heere, sa 't jim dat mei in salfjende stimme neame, sil ik jou sisse, en de unrjuchtfeardige herteloase konsjintie bliekt seis klear uwt jimme administratie der stjerke. Sa it hjit, binne jimme er tige op uwt om de bern doapt te krijen, en letter as lidmaet oan te nimmen, as der ek in foantje op sit, wiet ik net, want jimme dogge oars nichts gratis. Sij, de lidmaten, hjitte dan allegjer alliek te weasen, want sij wirdde troch jim broeders en zusters neamt. Mar o wé! as ien fan de earme broeders is in minne simmer had, of hij, it wief of ien fan sien bern, wirdde is siek, en hij mat om oenderstand freegje, dan bin jim er daadlik bij om him it stimrjucht te ontnimmen foar forkiezingen ien tsjerkezaken, mar ek foaral ien 't behear der eigendommen der gemeente. Dermei wirdde sij te beroerd, om har rjuchten jilde te litten, die sij toch even goed hawwe en balde, as jim moasten sokke as lidmaet ousette. Mar in timmerman, verver, smid, koster, wirdt diaken, ouderling en notabel makke, en faak sjocht men dat sij troch foarbouwing, verwjen as wat oars, as baasen in heech deihier fan de tsjerke-eigendommen oustrieke, en sij just die tot notabel of tsjerkfoud benaeme, die har de measte rieksdaalders iene büse spilet. En de earme bodder ken tasjen, dat hij 'as broeder ieno heare beskouwe wirdt, mar fan in heel oar slag, gemien! wiet je.
De tüken en prikjes die kappe wirdde fan de stjerkebeamen mei hij opsiekje né! mar kin er keapje bij 't boelgoed, as se earst opjage binne troch sien rieke broeders, die.....
74
D o m i n ij (lilk) :
Dat lieg je. Zoo is het bij lange na niet met alle administraties van de kerken en hare goederen gesteld, er moge slechts eene enkele zijn.
Willem;
Sjoch jou wol, as men oan 't gewisse fan 'n domnij komt, oan de saligheit fan de besitter, dan komt de boose Jen him op. Soe de timmermanssoan tan Nazareth op die foet ek oan jimme gebouwen tim-merje wollen hawwe ? Ik Ijoaw net!!
D o m i n ij:
Ik ben hier niet gekomen om beleedigingen aan te hooren van mijne ambtsbroeders !
Willem;
â¢Tim binne er foar om de wjirheit te ferkondigen, oars net ? Derom mat jou har wiette, om 't oan en oar meidiele te kennen. Elk wat oppe mouwe te spjeltsjen sneins fan jim forheven standpunt, der wirdde jim net foar betelle, dat soe jongenswirk wease.
D o m i n ij ;
U schijnt zeer weinig respect voor onze stand en roeping te gevoelen, te oordeelen naar uw spreken.
B o u k e ;
As jim in iepen eag bienen foar de skrjüwende ongeliekheit ien uws samenlibbing, en jim best dienen om der betterskap oan te bringen, om oan elk de libbensforwaarde sa wat geliek te stellen, dan wienen jim nuttig en soe it folk dit ter herte gean, en sneins jim opsiekje iepe tsjerke.
Willem;
Mar dat skient jimme doel net te weasen, en derom foarrint jim nering, ja wie al foarroen, as ,de staet en de jildkliek jim de ban net boppe de holle balde. Doch dat is gjin minskeleafde, gjin Christendom, domnij !
75
B o u k e ;
En as de breakoer er net tusken siet, dan kamen er nog minder as nou. Der binne arbeiders, mar ek neringdwaanden die hinne matte, en die nimme sneins har knipperke oender jim gehoor, en har droamjend knikkeboljen sjogge jim oan, dat de arbeiders jim praatjes moai fiene, en er mei ien-stimme.
D o m i n ij :
Laat ons ook van dat onderwerp afstappe, en het doel van mijn komst u zeggen. Wij worden het over de twistpunten toch niet eens.
Willem;
Dat kin wol en lit uws dan mar ris hjerre, wat 't doel fan jouw komste is.
D o m i n ij :
De verstandhouding tusschen u en uwe ouders en broeder, laat in den laatsten tijd vrij wat te wenschen over, naar ik meen. Natuurlijk bezorgt u daarmee hun een ondragelijken last, eendeels door de nieuwe ideeën die u omhelst en die door hun beschouwd worden, als de oorzaak te zijn, dat u in liefdesbetrekking staat tot hun vroegere dienstmeid, Bettje en ook de twist met uw broeder heeft veroorzaakt. Ik voelde diep medelijden met uwe ouders en 't is daarom dat ik bij u kom.
Willem;
En wat woenen jou nou fan mij haw we ?
D o m i n ij :
Dat Betlj; bij uw ouders de dienst heeft verlaten, op eene wijze, niet zeer prijzenswaardig in mijn oog, moet u toch een spoorslag zijn, om te onderzoeken, als het wel innerlijke liefde is, die uw hart tot haar trekt. En ik ontveins u niet, dat u dan mijne opinie zal deelen, dat eene betere, meer waardige partij uw
76
levensgenot in het vervolg meer zou verhoogen, dan zij in staat is dat te doen en uwe ouders zouden zich, in zoodanig wijs besluit van u, zeer verheugen, ja, u weder met open armen ontvangen. Wat uw broeder betreft, ook deze zoude het groot genoegen doen.
Willem:
Ik sil mien libbensgenot ien 't forfolg self siekje moatte, slechts as steun ien saeken, kin mien alders tsjinst dwaan en 't karakter fan mien broer befalt mil net. 't Is mij net te dwaen om iene wrald te skitterjen mei in bulte rieksdaelders, né, het libbensgenot gjit mij boppe alles en 'k mien ien Bettje in faam te fienen, en Ijou, dat ik derien net mis sjoch, der ik mij foarkrije kin wat ik beeagje, en sij it mei mij ek mient, en 't net om mien jild en positie docht. Wij hawwe beide uws friske, soene lea en wolle fan gjin ien ofhankelik wease, as moat dan de büwter wat tinder op it brea smart wirdde.
D o m i n ij:
Dus u gevoelt u, in dat opzicht, geheel onafhankelijk van uwe ouders? Bedenk dat de levensomstandigheden van dien aard, ook voor u kunnen worden, dat u komt denken aan het ouderlijk huis en dan zoude uw gang, naar dat huis, wel eens zwaarder kunnen zijn dan thans.
Willem:
Wij sjogge de wrald op in oare side oan as de measten. Wij sille is besiekje op uws eigen fj oaten stean te kinnen. Kin dat net, dan sil de moed uws ek net ontbrekke, om 't te nimmen sa it moat.
D o m i n ij ;
Dus u denkt er zelfs niet aan, om de welgemeende raad van uw ouders te volgen en hun ter wille te zijn?
77
Willem;
Ik hoapje mien eigen dingen wielle te kennen. Sij hoewwe alteast gjin hemelske polisje-agent mij op it dak te stjoeren, begrepen?
D o m i n ij :
Nu, dan heb ik mijn taak volbracht en heb de eer u te groeten. {Krijt sien hoed, bügt en gjit ou.)
Willem en Bonke (gniskjende):
Dag domnij, thuws de groetenisse.
B o u k e ;
Hij komt hjir dadlik net wer, Willem !
W i 11 e m :
'k Woe him noch sa graag mear forteld hawwe, hij komt er fjirst te maklik ou.
B o u k e :
As Bet en mien wief er bij west hienen, ik Ijouw sij hienen him wat op sien hachje telt.
Willem;
Sij forsjinje wol is in wan.
B o u k e ;
Die skienheilge kearels. Soe er foar har gjin plak op Athje wease, om uws roemrike striders, die har libben foar 't heitelan oerhienen, sa 't hjitte, op it hert te drukken, dat de Athjeeërs ek minsken binne die f|uchts)e foar har rjuchten ?
Willem ;
En om har ien 't eag te printjen, dat stellen, troch uws strafwetboeken, strafber steld is!
B o u k e ;
As de radjas van Athje gjin skatten van sulver en goud hawn hienen, soe er dan wol mei uws regearing rüsje ontstean wease?
78
Willem (sjogt ta it finster uwt):
Der komme de froulju wer oan. Wat sille sij fremd op harkje, dat domnij hjir west hat.
B o u k e ;
It sil har wol spiette, dat sij er net bij west hawwe.
{Heitje en Jetske komme op.)
B e 11 j e ;
Soa Willem, kom jou ek is oer?
Willem;
Ja, lanke, ik bin evenals don, uwt de stjlnst rekke, ik mat in oar kosthuws hawwe.
B o ii k e ( forheard):
Wat sis jou'?
Jetske:
Hoe is 't nou?
Willem:
Dat sil ik jim sisse, mar gean earst sitten.
(Bettje en Jetske gean ek sitten.)
Willem:
Dat kin ik jimme mei in bietsje wirdden sizze. Bet hie mij natuurlik alles sein, hoe it mei de sa-neamde stelderij tadroegen hie, en roen ik er op, om Petrus allinne fe treffen, wat. mij net slagje woe, omdat hij mij altied ontwiek. Mar disse middei koe hij er net fan ontkomme, en sadra hij allinne bij mij ien 't kantoar wie, kriege ik him bij 't boarst, en freege om de leppeltjes. Ik hie him dea makke, Ijouw 'k, sa lilk wie 'k, as hij se mij net oerjoen hie. Der ontstie in lawaai, dat kin jim begriepe. Mem foei fan har seis, en heit soe tusken beide komme, mar doarst net. 'k Haw Petrus in watsje-kou joen, der er fan neifortelle kin. Mem kaem al gou wer bij, en doe haw 'k mien alden sein, dat ik er uwt gong. Het griesde mij wol oan, sa wienen
79
sij fanne wieze, sij skriemden beide as bern. Doch mei mien broer sa te libjen, der wier gjin tinken oan. Ik bin foart gongen, en nou mat ik moarn mar oarder op mien saken stelle. Joen ken ik fan seis, bjir wol bljüwe, en dan matte wij mar is sjen, hoe 't mat.
B o u k e ;
Wist domnij dat dan al?
Willem :
Dat wiet ik net. Mar mien alden hienen ersoarg foar, dat it sa komme sop, en derom hienen sij him moglik er al op uwt sljoerd.
B e 11 j e ;
Sii sille wol raar opsjoen hawwe, dat de leppeltjes bij Petrus wei kaemen.
Willem:
Mem skriemde tige. Sij seagen raar op, dat kin jou begripe. Mar folie wirdden binne er net mear oer fallen.
B e 11 j e :
Dan is mien proces ek oane kant.
Willem:
Natuurlik. Moarn moat heit nei de olficier fan justitie ta, om it te sissen.
B e 11j e:
Wij koenen Petrus er nou ek moai foarsetfe.
W i 11 e m :
Dat sille wij net dwaen. Hij hat er nou al lieling fan. Mien alden besoargje wii dermei mear least, wü dogge it net.
J e t s k e :
De aide Iju sille noch wat mei die soan belibje.
80
T? o u k e ;
Dat sille sij ek, der kin jou op oan.
B e 11 j e :
Het is doch mar moai slagge dat ik net foar de j juchtbank hoew en wollicht onskuldig in pear moanne nei de gribus gong.
J etske:
Sij koenen gjin tsjugen krije, dat jou it dien hiene, mar san lint as Petrus is ta alles ien steat, wat joeg die om in falske eed, as er op ferge waer.
Willem:
Bet is er mar moai foar wei sprongen. Wij hienen er mar in hoapen hollebrekken mei hawn.
B o u k e tsjin Willem):
Het is toch bird op san manier uwt jou alders huws te gean.
Willem;
Ja wis is it dat. Doch wat net bijenoar bljüwe ken mat skiede. Het griest mij wol can, om mien alden, dat sij sa dwers wease kinne.
J e t s k e (tsjin Willem) :
Moarn sille jou er wor hinne. Moglik binne sij dan wat bekomt.
Willem:
Ja, ik mat wol nei har ta. Mien klean, boeken, alles mat er wei, en dan mat ik mar is sjen wat ik mat. Mien buwsjild kin ik ek wol op.
B e 11 j e :
Mar jou freegje har doch net om jild?
Willem;
Dat stjit net ien 't liet. Ik sil mij sjen te redden.
84
Jetske:
FrouVjn is lestig gjüd, dat krij jou nou bij oender-lining. Sij litte har rjuchten ek jilde.
B e 11 j e :
Alles wat er foarfallen is, bin ik de greatste oar-zaak fan.
Willem (krijt Bettje bij 't kin):
'k Haw dij er liekwol net minder leaf om.
Bettje {(jïimket) :
Dan sil it wui goed komme.
Willem:
It komt grif goed, as wij mar wolle.
Jetske;
Dan ek mar de frije leatde tapasse.
Willem;
As wij bijenoar bij uwe wolle, sil dat ek wol matte, want tastimming om' te trouwen, krije wij doch net.
B o u k e ;
Dat sil wol spanne. Nou Bet is toch ien har ear hersteld en dat is in luk je iene winter.
Jetske;
Jim mat nou mar gou sjen, dat jim in huws hiere kenne en dan der mar ien.
Bettje;
En dan sille de a 1de rüken uws wol spiesgje, wol jou sisse ?
Jetske;
Wachtsje er mar net op. Sij binne nou ek al wie-zer as iene tied fan Elia. Sij iete nou de brokjes brea Ijeaver seis op.
B o u k e ;
It manna reint hjir ek net fan boppen. Sokke bjeamen hawwe wij hjir net.
6.
82
B e 11 j e :
Wij sille it wol redde, wat sisse jou oars, Willem?
Willem:
Wij sille het te minsten beziekje, dan kin wij sjen as 't lukke wol.
J e t s k e :
Witste wat, Bouke ? Wij soenen al lang nei uws bjurlju ta west hawwe te joenpraeten. Wij kinne er joen wol hinne, dan kinne de jonge lju togjerre mar wat oerlisse.
Bouke.
Dat kin wol, dan mat dat dadlik mar weaze.
Willem;
Dat liket mij goed ta. Dan sille wij sa langjimme skatten wol bewarje.
J e t s k e :
Die liene jou om disse tied net bij de arbeiderslju en de leage spullen sil jim wol stean litte. (Sij geane opstean en fjoart. Beitje gjit bij Willem stean, oan sin lof ter side, leit har Mn of earm op sien lof Ier skouder en krijt sin lof ter hein fortrouwelik beet):
Willem (glimkjend) :
Wij hienen net tocht dat wij beiden sa gauw uwt de tsjinst reitse soenen.
B e 11 j e :
't Is hastig gongen en steane wij nou beide gehiel op uws seis.
Willem;
Wij steane nou toar 't feit, hoe wij de wrald lans sille. Wij hienen uws net foarsteld dat uws leafde sa gou oppe proef stelt wirdde soe.
B e 11 j e ;
Beide wiette wij al aerdig, wat iene wrald te keap is en sille it ek wol redde.
83
Willem :
It geval, wer ien wij nou steane, is foar uws het beste, dat wii de lappen bijenoar smite, in huws
hiere en derien wenjen gean. Mar.......hoe soe 't
komme wolle mei uws kostwinning ?
B e 11 j e ;
Ik foarsjinje al aerdig wat mei de machine, dat ik ken mij seis best redde en as jou nou wat fiene kinne, der wat foar jou oansit, dan binne wij klear.
Willem:
Langlesten haw ik in oansiek hawn, om as mei-wirker mij oan in nij uwt te jaan volksbled te tor-bienen. Ik haw er doe foar betanke, mar sil it sjen nou te krijen. Dan sjen in huws te tienen, mei in plak tun, werop wij uws ieten bouwe kinne. Ik haw altied leathebberij foar tüntsjen hawn en 't woe mij ridlik goed slagje. Dus dat sille wij besiekje.
B e t t j e :
Wij hawwe beide uws bannen meinomt en dan sil it mei de noadige ambisie er bij, wol gean. Mien sparpot is goed forr uws huwsrie.
Willem:
En ien mienes is ek noch al in aerdig stürke foar-gjerre, der sille wij ek wol in plak foar fiene. Petrus en ik krigen fan uws aide hear, lieke folie buwsjild en troch dat ik bijnei nea foart wie, gjerre dat wol aerdig oer. Het leit noch ien mien kast, die ik moarn helje sil.
B e 11 j e :
En dan sille wij wol fjirder sjen hoe 't mat.
Willem (glimkjende):
Dat is dus ien oarder. Nou oer wat oars, der wij ek oer prate matte.
B e 11 j e :
En dat is?
84
Willem: (luk har neijer oan
him):
Bet! te trouwen, dat de wet fan elk pear freget, dat saneamd, tatsoenlik wease wol, ken uws net for-biene, omdat ik de nedige tastimming fan mien alden net forkrije ken, mar .... ek net hawwe wol. De frije laafde, sa wij dat wol is neame, sil uws nou forbiene matte, as wij bij elkoar bijouwe wolle. De leaf de tusken uws sil er derom net minder om wease. Haw ik toant, foaral in disse leste wieken, dat ik jou achting en leafde wirch bin ? wel nou, dan foar-trou ik ek, dat, wat de minsken er oer rabje meije, uws hou en trou héger, héger stjit, dan ea in minske stim, uws ear berikke kin, om het omlier te smieten. Dat de wien wol is tusken uws troch nise sil, och, wij binne minsken, en hoe wij ek allicht meistjoar-men te kampen krije, nea sil uws houliksskipke sa slingerje, as wij sille it eag ien 't seil, en in feste ban oan 't roer balde.
B e 11 j e :
Fortrou Willem, doe ik jou kinnen learde, dat jou stan en jild mij net tsjinblonken, mar in trien uwt mien eag rolle, troch de mannenmoed en 't earlik hert, dat fan jou dieden uwtgong. Dat der, wer men onrjucbt op jou wei pleatste, it bloed jou nei de holle fleag en mei jou kreftige earm oppe bres sprongen, om te foarslaan wat onrjucht, wat laeg wie. Doe mocht ik net hoapje, dat die kreftige, flinke man, ienkear mien beskermer wirdde soe. Doe foar-flokte ik de standen en 't jild dat uws skieden, mar nea sil ik de tied foarjitte, doe dat earlike eag nei mij opseag, en doe mien han ien jouwes lei. Dat eagenblik wier salig, Willem! En soe ik mij nou net foartrouwe, soe ik nou tinke kinne, dat die kreftige man, die mij beskerming bea, in jonge wirdde sil? Né Willem! kniep mien han mar in jouwes, dat salig eagenblik foarjit ik net, en wat ik doe sei, herhelje ik nog is, ien disse stoun, jou binne en bijouwe mien Willem.
85
Willem:
En dat ik dat bijouwe si], dat swar ik dij. Wat op uws wei sich pleatse mei, wat de wrald uws biede sil, ik Hel mij sterk, om alles te trotsearjen, as datselde golle, iepene eag mij altied oankiepje sil, mar dat jou ek altied ien mienes lease kinne, de earlikheit, de trou, de oprjuchtens fan uws leafde !
IT GORDIN FALT.
FJIRDE BIDRJUW.
In deftige keamer bij Petrus en l'elronella. (In rieten stoel stjit bij de tafel. Petrus komt op. hier forward ommc holle, mei in pear wissels iene han. Men kin sjen dat hij berooid is. Bitterflesch en glès oppe tafel.
Petrus sjocht op de wissels) :
Jimme matte betelle wirdde, mar wer mei ? Mien kas is leeg, en bat ek al lang leeg west. De aide er wer foar opdraaije litte! Hij had mij warskout, dat hi] it net wer die, en it ik net mear dwaan koe. Hoe fier dat er mei sien eigen is? Der sil net folie mear oersjitte .... Si] matte betelle wirdde, dat sljit fest, er sit oars net op. Ien fan I»eiden, ik mat
talske hanteekeningen meitse of____de rommel mar
oan de skuldeiskers oerlitte, en sjog seis er nog wat fan te halden, sa sij in disse tied' meastal dogge, die
fallissemint slaan......En dan mar oppe sjouw om
belter plak te fienen, dat in bestean jouwt. Doch ik mat sjen wat wei te moiTeljen. Mar nou sit ik ek
86
nog opskiepe mei sa 'n sukkelig wief, die gfilt en krient en kreunt alle dagen, dat men soe er mal fan wirdde, derom nim ik foar de loroaring mar is in glêske bilter of kleare. Dat iorset de sinnen, en ken dat aklig gekliem mij neat skele. (Hij skinkt in glês ien en drinkt it op.) As sii uwtkniepte, koe ik mien kost better fiene. Ik haw lesten dokter it al is for-slein, dat it net better wie, as dat sloaf har einde kaam, mar doe stie er inraaronwaer op; wat makke din man in spektakel. Ik wol 't wol Ijouwe, hij hat oan har in best melkkou, sa 't er mient, doch loekt mar stiltjes wei oan de droege oeren, want mien brandkast is leeg. {Hij laket.) Hij sil op sien noas sjen, as er it wiet, mar 't let mij neat. Wer nichts is te heljen, forliest de keizer sien rjucht, en dea
gjit sij doch____Mar die forlloekte dingen (op de
wissels sjende) hoe mat ik nou der mei. Dat sil in slim proces wirdde. Kom, earst nog mar in wip-perke. (skinkt ien en drinkt op.) 'k Mat mar is sjen, om er wat op te flenen. (Hij wol gean, mar komt Draaisma te rnjitte en bljouwt.)
D r a a i s m a : (op.)
Soen jou foart, Petrus?
Petrus;
Ja heit; 'k meat om in boadskip de streek op.
Draaisma:
En dat boadskip is'?
Petrus:
Wat kin jou dat skele'? Mien jou er soms belang bij te haw wen ?
Draaisma:
Is mij dat in fraag! Mat it libben fan jins born, jin net oangean ?
Petrus:
Elk past tsjinwirch mar op sin eigen hagje.
87
D r a a i s m a :
Hie stou mii dat earder sein, dan hie 't foar mij better west. Wat ik dien haw oan dij, die ik mij in goed doel. 't Is ek it alderhert dat sprekt, dat ik nou bij dij kom.
Petrus;
Dat hert kin him om mien part stil halde, ik haw er neat mear mei te meitsen, of.... dat mien bran-kast er mei forsjoen waar, dan wol.
D r a a i s m a â¢
Dat sille wij dis kear mar is oergean litte; omdat it mei dij buwter oane galge smart is. Wij sille er ien 't ferfolg ek mar nei mear oan dwaen.
Petrus (gniskjende):
Dan sil ik wol in oar kantoar oansprekke matte.
D r a a i s m a :
As er tenminste nog ien foar dij te fienen is.
Petrus;
Wol heit in gleske kleare hawwe ? Ik nim er ien. (Hij skinkt ie en drinkt op).
D r a a i s m a ;
Dat forlloekte gjüd, dat bij tüsenden en tüsenden ongelokkig makket, en ek foar in great diel, de skuld draagt fan dien skandelik libben, gebrük it net wer. Petrus! Petrus! wat dochst dien heit en mem in least oan. Wat hawwe wij dij leaf, hawn, mat ik mar sisse, want siker, wij moatte uws skamje sjen-wirch oer uws eigen bern. Altied hienen wij noch hoap hawn, dat de goede beloften, die stou uws joegste, dat er betterskip op folgje soe, mient wie , mar nog altied sinkt stou leager en leager.
Petrus (gniskjende) :
Dan sil ik nou wol hast oppe bjoaijem weaze.
88
Draaisma;
Wij hawwe uws seis opolïere foar dij. Hoe faek hawwe wij dien skulden liek makke, sa faak seis, dat ik mien eigen saken fan de han dwaen moast. Trinnen hawwe wij om dij skriemt, o, sa faak en folie. Ja, uws bjirren binne gries wirdden, fan't fortriet, dat stou uws oandogste en nog altied wint de onforskilligheit oan. Sa, dat ik dij nou foar mij sjog, dat ik mij seis oufreegje moat, is dat mien soan, mien hern 9
Petrus;
Ei nou, min sit ek opskiepe mei san sukkelig, ea-melig wief. Wa soe de kop net oranje wirdde, fan san libben as ik haw.
Draaisma:
Astou karakter hieste, dan moast dat goede, wol-mienende minske wardearje en har lijen wie minder hirdt. En wollicht wie har gezond heit, sa net geheel, doch frij wat beller west as nou. As .1 dat lijen kn dat goede sloaf sjochste, helste dan gjin inkeld sprankje len dij opkommen fau waarachtig meilijen, dat er opriest fan forwiel, dat it dien skuld is, dat it goede skepsel lijdt? Is er net in inkeld fonkje mear bij dij, fan neitinken, die dij er op wiest, hoe stou har pleglig beloafd baste, dal stou har leathavvsto, foar har soarge en beskermje soeste ?
Petrus;
Lit mij nou it greatste mispunt wease dal er lib-bet, jou kinne net ien mien gemoed lease, wat de oar'zaak is fan dat lijen, dat tusken uws besljit en dat ek mei de oarzaak fan uws efteruwtgong is.
Draaisma;
Ik haw te oardieljen wat ik sjoch, en dan doar ik mien holle net opslekke fan skaamle, oer 'l lib-betisgedrag fan mien eigen bern. Wat de oarzaak as er ien is, wease mei, wiet ik net, mar dou baste it oaa dij seis te wieten, as er ien is.
89
Petrus;
Jou haw we mij nergens ta tvvongen, dat is wier, mar ik hoevv waerlik net te freagjen wat doel jimme mei uws, as soanen, foar hienen. quot;boe't Willem frijde mei Rettjp, foarnaem ik wol, dat wij net oan uws self de kar litte koene, net freegje, ien de earste pleats, wat leafde wie, mar der moasten in skat tan rieksdaelders mei op 't kleed komme. Hie it net belter foar uws allegearre west, dat jou mij wease n hienen om in gelukkig houwlijk te dwaen ? Is het nou mien skuld allinne, dat ik mei Petronella on-gelokkig bin ?
Draaisma:
As de horn oan de I jirhan rinne, kin men sisse, ik bin baes, mar mat, nei in goede opfieding, de hern nei 23-jirrige leaf tied, net uwt har eigen eagen si en' kinne ?
Petrus:
It is do fraeg as de oplieoing goed west hat. As men foarbielden foai- de eagen kriget, as fan Willem en Beitje, dat letter bliek dat har karakter better foarme wie, as jouwes, heit. Eaclikens fan karakter stie hij har lier hoppe de waerde fan 't goud.
Draaisma:
Ik wol graag erkenne, dat de waerde fan dat stomme gjud bij mij heech stie, mar eltse dei, wirdt min er oan herinnere, wat waerde as in minske be-komme kin iene wrald, mei 't besit fan die op 't eag onskuldige beeltenissen.
Petrus:
Haw ik in best minske, sa as jou sisse, troch mien karakterloasheit ien 't Uien brogt, ja, sil har wol-licht de dea oandwaen. .Jimme moasten mij, doe ik jong wie, net foardoan hawwe, net de oarzaak, de kiem lein hawwe, dat ik sa gemien wirdde koe. Sjoch dat is jimme skild.
Draaisma (pinkt in trien wei):
Fors wier it lijen fan uws, as alden, net mear. It
90
is al te folie om te dragen. Doch de kiem lei er dan wollicht al ien, troch dien pake, wer stou krekt op liekest en is it dan uws skild, dat die kiem net toar-nietige is.
Petrus;
Jim moasten it ontdekt hawwe en bestie de mo-glikheit fan fornietigen, in ealer beginsel bij mij op te wekken. Nou is 't forlern, aid man. Hoe mien wief lijdt, het lit mij kald. Eltse dei klaget mij op nij oan, hoe ik mien geluk forwoeste haw en drink dan mei in slokje mien hertsear wer ou.
Draaisma;
As dat wjirheit is, moast stou 't seis mar wiette. Foar it trouwen wie 't ek altied net mei dij iene heak. Mar tink er om, dou bringst dij seis alhiel ien 't ongeluk.
Petrus;
Der bin ik al ien en kom er net wer uwt salang as Petronella libbet.
Draaisma (skoclhollet) :
Freeslik! freeslik! Het kin sa net bij ouwe en hoe mat it?
Petrus;
Der sil binnenkoart wol foroaring komme. Ik haw twa wissels te beteljen, wat mij onmoglik is. Help haw ik fan jou net mear te forwachtsjen, sa 't jou sisse. Dus it boeltsje silwol opskmn en forkoft wirdde. Dat tsiit Petronella net uwt en dan mar is wer sjen. Kom, ik nim noch in hufke foar 't fortriet. Hij nirnt noch in romerfol).
Draaisma;
As stou it dermei mienst te krijen, dan sist te minsten wol redden wirdde. Dan bist stou ek gou dea.
Petrus;
Dan is er neat wei! Dan is 't mar dien. En earm bin ik toch al.
91
D r a a i s m a :
Mar lit uws forstandig redenearje! Wat is dien doel, as dien ienboel en 't huws om skulden forkoft wirdde en jimme oppe strjitte sedt wirdde kenne, wat dan ?
Petrus:
Wiet ik het? Ik sil mij wol redde. Der sil wol plak foar reisiger foar mij wease, as oars wat. Der tink ik nel earder om, as it sa fier is.
D r a a i s m a ;
En Petronella, wat sil die dan ?
Petrus;
Dat mat sij mar wiette.
D r a a i s m a (Hik) :
Sist stou dien sieke frou, soender familie, allinne wij» oppe strjitte sette litte ? Dou sist gewetenloas genoch wease, om san best, oppassend jongfrommis, die troch dien skuld ien 't lij en is, ja, djip oengelukkig makke, sisse, red dij nou seis mar ! Geweten-loase skurk as stou biste, ik kin dij net mear foar mien eagen sjen.
Petrus:
Wel nou, gean er dan uwt. Wat hawwe jou hjir neadig ?
D r a a i s m a ;
Dat sil ik. Mar ik sil har net forstjitte, dan wie 'k even gemien as dou. Tink er om, dat ienkear de tied komt, dat dien gewisse dij oanklaget, en dat stou dij seis torflokke siste, mar dan is het te let. Ik sil mar gjin moaitte meer dwaan, om dij it goede paed te wiesen, het is foargoed forlern. Mar wei-bljouwe doch ik hjir net. Ik haw mien pligt hjir noch te fortullen, en dat sil ik dwaen. (hij gjit oaf.)
Petrus;
De aide hat geliek----het is forlern____hij bat
92
geliek, kom noch mar in hufke. (hij nimt in rom-merfol) en dan moat ik mar is mei die dingen op sjouw. Het sil wol net lukke, nou, dan is 't net oars. Noch ien oppe goede ourin. (Hij nimt twa rommerfollen en qjit oaf.) (it toaniel is in amerij leag, dan komt Petronella op, tige ienpakt en bleek om 't gesicht. Jetske steunt har en sij gjit iene leuningstoel sitten.)
Petronella;
Ik wiet net Jetske, wer ik 't jou mei foargoedsje sil. San trouwe oppassing. Jou sloafe jou süver foar mei ou.
Jetske:
Mat ik derfoar torgoeding hawwe, dat ik jou as minske, sa nou en dan efkes bijstaan, foi! hoe komme jou er bij, dat is ommers uws pligt!
Petronella:
Och ja, sa moasten wij meijenoar libje. Wat hienen wij dan folie mear wille oppe wrald as nou.
J e t s k e ;
Het koe wol, as de minsken mar woenen. Wij wolle, as socialisten, dat beforderje. Wij soenen sa graag sjen, dat wij hjir as broarren en sisters meijenoar libje koenen. En torachting is uws dial, foar it goede dat wij wolle en roenom wirde wij négere, sa folie as 't mar ken.
Petronella:
Ik skamje mij wol is, dat ik ea ek sa wie. Wat tink ik faak nog om Willem en Bettja, wat wienen heit en mem er op sjin, dat sij sa bijenoar gongen, soender te trouwen. Och wat wirdden bin der al oer uwtkreame, en soen dar wol gelukkiger paar wease as sij ? Wat besküget men de minsken faak forkeard en is men dadlik klear, om in foaroardie-lend fonnis uwt te sprekken.
93
J e t s k e :
Jou matte net al te folie prate frou. Dat formoait jou te folie.
Petronella:
Och, ik mei die tied nog sa graag is oertinke, en wat komt mij dan folie te binnen, wat doe barde, wer ik nou it rjuchte fan begriep. Wat koe ik folie dingen fan Petrus goedfine, wat ik in Willem oakarde, en wat bliekt it mij, hoe ik doe missaeg. (Sij faget in trien wei.)
J e t s k e (meilijend):
Och ! sloaf, wat haw jou al in lijen, kin dat net oars ? Ik wol er net oer prate, want it makket jou ⢠mar minder, mar ik ken it net langer sa oansjen, en mat toch.
Petronella;
Och Jetske! wat lake mij de wrald te mjitte, doe ik mien ban ien Petrus sienes lei. Wat tocht ik in skat foarkriege te hawwen, de soan fan in rieke keapman, die ik miende troch elk acht en eare waer, en hoe ik oan sien side, ek acht en eard, ja skitterje soe. Bliere tied, wat baste mij bedragen.
Jetske:
Haw jou doe net ontditsen, dat sien libben frij wat te winskjen oerliet?
Petronella:
As men sa de takomst te mjitte sjocht, as ik doe, wat sjocht men dan folie oer de holle, der min oars wol om tinke mogt. As er al wat wie, dat mij tsjin stie, dan docht ik, as wij trouwt binne, dan sil dat wol fofoare, dan kin de leafde ommers alles uwt-stean en te rjuchte bringe !
Jetske:
Treurich genog, dat men net better foar jin sjocht. As partij, sa men dat neamt, hoewden jou net foar him oender te dwaan.
94
Petronella:
O né! dat net. Doch hoe aklig waer ik wekker uwt die skoane droam fan geluk. Mar in lietse poas wienen wij trouwt, doe dat gefal mei uws faem pleats hawn het, dat san opskurring joeg. Mar datljouwde ik emmers net. Ik hie him sa leaf!
J e t s k e :
It wie oars al klear genoch, dat it hern fan him wie.
Petronella:
Och ja, ik koe mar net begi ipe, dat hij sagemien, sa leag sinke soe. Wij wienen noch sa koart trouwt west, en ik hie him noch sa leaf.
J e t s k e ;
Jou krigen al gou mear mei him te stellen.
Petronella:
Al gou bliek it mij, dat it gjin innerlike leafde west hie, dat him om mien ban freechjen die, mar berekning, om mien jild te forkrijen.
J e t s k e:
Dat jou heit doe krekt stoar, wie ek in ongeluk foar jou, der forlearen jou in greate steun oan.
Petronella:
Hoe swier mij dat forlies foei, kin ik jou net sisse. Fan die tied ou, begoen it lijen in 't great. Mien goed foei ien sin hannen, ik koe der neat oan dwaen. Hij begoen doe folie mear te drinken, ja it wier in gries, en derbij de forwaerloozing fan sin saken.
J e t s k e :
Foi minske, wat in libben foar jou.
Petronella:
Ik fornaem al gau, dat uws saken minder waeren
95
Het gefal wer mei uws taem. Ik haw mij omtrint te wetter skriemt, doch it ienigste dat ik dermei uwtwirke, wie dat hij lilk waer en ik foar him faek net mear feilig wie, ja, mij sloeg!
â i e t s k e ;
Jouw slaand!! San onminske, derfoar moast hij mij fjor h;\n hawwe.
P e t r o n e 11 a ;
lenkear sloeg er mij frij wat. Dat hie 'k nettinke kennen, dat er dwaen soe en derfan rekken mien zenuwen sa ontsjoer, dat ik siek waer en nog bin. Ik wier mien libhen ba ! Ik T'ekke oan it prakte-searen oer mien alders huws, doe heit en mem nog om mij hinne wienen, sij hienen mij sa leaf! en seagen sij mij nou sa. (Sij skriemt.)
J e t s k e :
Hoe haw jou it uwtstean en stean jou it noch uwt!
Petronella:
Ljou mij, 'k haw mear dan iens, de hun oan sin revolwer slein, ik soe mij dea sjitte .... dea sjitte! Mar ne, dat woe net. O, sa faak winskje ik noch nei 't ein fan mien lijen, ik haw er wol om bidden, mar 't skient wol dat God mij langsum formoardsje litte wol.
T e t s k e :
Dat is sin skuld net, leafe sloat, hij wit it net, seis net dat jou er binne, want hij kin er net wease, sa jou him foarstelle. Dan moast hij ommers in monster wease, sa great dat men tinke ken.
Petronella:
O, der haw ik ek faak oer tocht. Haw ik dan sa min libbe nei sin sin, dat dit hjir mien forsjinne lean al is ? Och ne! Ik haw folie fordrage moatten, mar ik haw ommers altied geduldig west, iene hoap dat it wer torjuchte komme soe.
96
J e t s k e ;
Mar nou sjoch jou wol, dat itneasakomt. Wietje wat wij sille ? Jou sille uwt dit pesthol wei. It mei komme hoe it wol, hjir mat en sil jou wei.
Petronella:
O, né, .... O né, ... Ut mij hjir mar stjerre !
J e t s k e :
Né, minske, wij sille jou better meitse, ien pleats. Straks, oanstonds, gean ik nei Willem en Bet ta,en as die it witten, dat it sa sljit, dan gean jou joen hjir nog wei. .As sij it witten hienen, dan hie itnea sa fier komt.
Petronella;
Doch dat net .... doch dat net. As hij it wiet, dan slagt hij mij dea..... och, doch dat net.
J e t s k e :
Wij dogge it al. Wat linke jou, dat wij jou stjerre litte soenen, troch de hannen tan san heul'? Dan soenen wij uws te skamjen hawwe oer uws seis. Né frou, joen noch komt er foroaring. Hienen jou mij it earder sein, dan hie 't satier net komt.
Petronella:
^ier, doch it net. Wat sil it gou troch it doarp tleane, ik bij him wei1?! O, ne, dat kin net.
.1 e t s k e :
Foar de minsken hoewe wij gjin rekkenskip te dwaen. Wij handelje nei uws pligt as minskewaesen. Oan him is nichts foarbaat. Lit hij sien wei gean. Wat kin it uws, wat kin it jou skéle. En bij mij as F)ettje iene huws binne jou feilig, der kin jou op oan.
Petronella:
Miskien bin ik er net lang mear, en wat helje jimme in drokte oppe hals, mei san sukkelig minske as ik.
97
Der kin neat fan komme. Ocb, it sil net lang mear dürje.
J e t s k e :
Kom ! kom ! Sokke preatsjes net, as wij jou mar bij uws hawwe, knap jou gau wer op.
Petronella (skriemt):
Och né, doch it net, mien namme! mien namme!
.T e t s k e :
Skriem jou mar uwt, dat docht jou goed en sloegje dan mar is wat. Ik sil nei Bet ta. (Oaf):
Petronella (skriemt) :
Ik bij him wei! dat kin net, dat kin net........
Wat least soe dat foar har wirdde, dat zij alle dagen mij helpe moasten en wat kostber foar har, en ik bin earm . . . Och né, dat mat net, dat ken net... Ik bin nog sa jong, moat ik nou al forkwiene ?! Ik haw nog san bietsje fan de wrald han, nou al lij en! Nou al formoardsje litte en dat om dij mij sa leaf hjitte te hawwen ! . . Wat net bijenoar hjert, ken net bijenoar libje ! 't Is dochs mien schuld net, dat ik lij, moat ik dan alles foardrage kenne, mar alles goed-fine, wat hij docht? Ik haw him trou swart, en wol die eed net foarbrekke, ik wol mien belofte balde,. .
mar moat die dan mei de dea betelle wirdde......
Hald hij sien belofte ek ? ... O né ! o ne ! dan lijdde ik sa net.... 'k Hie 't sa goed mei him foar. En mat dan it lean foar al mien leafde, die ik him ta-draag, betelle wirdde mei slaen! slaen ! hoe is't mo-glik, haw ik dat nog foartsjinne ien mien lijen? (Sij skriemt.) O heit! koe'n jou mar is sjen hoe ik lij, soe'n jou, mij, jou dochter, slaen litte? Nij, nij! En soe'n jou dan net blied wease, dat wolmienende bannen, nei jou dochter rikt waeren, om har te helpen, om har te rukken uwt de kleauwen fan san on-minske, o ja ! o ja !... Mar 't is mien man ! mar slaan ? né, né !... fk bij him wei. .. 't is sien eigen skuld, sien eigen schuld. (Sij docht de eagen ta en fait efter oer iene stoel. Sij skriemt.)
7.
98
F r o u D r a a i s m a (komt op):
Hoe is 't Petronella, wat better as jister?
Petronella {slagt de eagen iepen, skodhollet):
Nij mem, it selfde, ik wirdt swakker.
F r o u D r a a i s m a ;
Sille wij noch is in care dokter helje â ?
Petronella:
Ik Ijou net, dat it noadig is?
F r o u D r a a i s m a :
Och fanke, wat begruttet it mij, wat griest it mij oan. Wol jou ek leaver bij uws komme'? Dan haw jou better oppassing as nou, en bin jou ieilig foar him.
Petronella:
Jk dreamde nies, dat ik uwt mien lijen foarlost waer. Ik waer helle en troch wie? Troch Willem! Ik seag sien sterke earmen nei mij ta rikken, hij krige mij op, en sei mei sien fjoassse stim : Sist dou lije', Petronella ? Né, lanke ! dat net. Kom hjir mar bij uws. Wij sille dij wol forsoargje en beskermje. Wij hawwe brea, ek foar dij. Kom, wij sille dij wer soen meitse, wat ken dij dien kearel skele! lenkear libbest dou mar, silst dien libben om him forniele ? Ik woe net, mar hij makke gjin praetsjes, sloeg sien earmen om mii hinne en naem mij mei. Doe waer ik wekker, en stie mem toar mij.
F r o u D r a a i s m a :
Mei Willem! Wat kin min al raer droame, Soe'n jou wol nei him ta wolle ?
Petronella .
Ik droamde, omdat Jetske fanne moarn bij mij kaem, liek as altied en die wol mij, mei behulp van Willem en Bet, mij hjir wei helje.
99
F r o u D r a a i s m a ;
En hoe liket jou dat la, fanke ? Soen jou dan wer belter wirdde kenne?
P e t r o n e 11 a :
Wat seit mem er fan ?
F r o u D i' a a i s m a :
Och, freegje mij net, bern, ik wiet net wat ik er fan sisse moat!
Petronella:
Tocht mem, dat ik der wer better wirdde ken ? Ik bin nog sa jong. As Petrus is allinne oppe wrald stie, of hij kaem bij jimme ieo, soe er dan net ta iensjen komme sillo. Het kan sa nel mear.
F r o u D r a a i s m a;
Wij kinne it is besiekje Mar wat sille de minsken er fan sisse ?
Petronella:
Wat sisse de minsken, as sij mij binnen koarten lied nei it Isjerkhoaf bringe moate ? Dan sisse sij, och, sij hjerden nel bij elkoar. Werom gong sij ok net bij him wei ! Mar dan is 't te lel.
F r o u D r a a i s m a :
Och, it is mij goed, lil uws dat dan mar is besiekje.
Petronella:
Mien holle draait, ik wiel net hoe it mat.
Petrus (ropt f'oar de doar):
De doar op! de doar op! sis ik dij, of ik traapje him ien. Wer sist wer te grienen ?
F r ou D r a a i s m a (g jit nei de doar):
Petrus ! Petrus ! ken dat sa ?
Petrus way ljende wei op):
Soa .... it huws wer fol... it... is ... gau op, dan
100
hawwe jim dien .... te fleanen . . . wat kin 't. . . mij skèle. {Hij fait ovpe stoel del.)
Frou Draaisma (lilk):
O, dou suplap! Soe 'k dij net leafer nei 't tsjerk-hoat bringe, dan dat ik dij sa oantref? Skammest dij neat ? Sjoch dien beste frou is lijen, dat is dien skuld, dien skuld.
Petrus (gjt oerein, mar hald him oane stoel fest, mei de iene fust oprol Ie en seit tsjin Petronella, die efter oer iene stoel leit mei de eagen ticht) :
Mien skuld . . . zoo mien skuld . .. {Hij waggelt nei Petronella ta.) Hast stou dat sein ... as dat .. . mien skuld is . . . sprek op as ik . . . {Hij dreigt har te slaen.)
Frou Draaisma (gjit foar him
stean):
Dou slagst har net. Ik bin har mem. O! o! wat oenderfien ik al wat ien mien libben. (Sij skriemt).
Petrus:
Ja giïl mar.... balt mar... it kin mij neat skele. (Hij fait op twa stjoalen, mei de iene hdn oender de holle en de care han hinget bij de stoel del.)
Frou Draaisma:
Lit him mar lisse. (tsjin Petronella): Skriem net, fanke, ik bljouw bij dij. Nij, sa ken 't net mear, jou moate hjir wei.
.1 e t s k e (komt hasticj op);
Ik saeg uws maet thuws kommen, en bin hjir hinne roen. Kom, leit er op twa stjoallen ? Hij mat hjir wei, dat kin sa net.
Petronella:
Och, lit him hjir mar lisse, oars hawwe wij san leven nog.
101
J e t s k e ;
Ne, dat kin net. Wij moatte him better opbergje, frou Draaisma, hij is hjir te gefaerlik. Wol jou mij efkes helpe ? Hij mat mar mei nei de keuken ta.
Frou Draaisma:
Wij kinne him er doch net krije.
J e t s k e :
Ja wis wol, hjir mar. (Si/ ktijt Petrus bij de han beet en loekt him fan de stjaollen).
Petrus (loekt en skruwt, lilk):
Lit mij los .. . fordomd . . ik wol hjir lissen bijouwe. . lit mij los... sis ik dij. (Hij skopt mei de fjoatten en skwoat oane hannen.)
.1 e t s k e ;
Kom hjir mar frou, elk oan in han. (Frou Draaisma krijt ek in han fan sines en sleepe Mm sa fan 't toaniel. Wiels seit Petrus):
Wel fordomd ... los ... los ... sis ik dij. (Oaf)
.1 e t s k e (komt dadlik wer op mei frou Draaisma):
.lou hawwe in leave soan, frou Draaisma. Sij moas-ten him efter de tralies sette. Soe Willem en Bet er nou net better oan ta wease ? Jim hawwe mei disse soan jim sin krigen, mar hoe is 't nou?
Frou Draaisma;
Och swij Jetske, swij ! Meitse ek mien lij en net greater as it is. Binne wij it allinne die it jild tor-bliene het? Tochten jou, dat wij net mienden, dat it ien 't belang fan uws soan wease soe? Sa ondo-gens wienen wij net, dat wij mei sin Petronella ien 't lijen bringe woenen !
Jetske:
Ik soe jou graeg mear sisse wolle, raar doch dat nat. Lit Willem en Bet it dwaen, die hawwe er beteer rju'cht la as ik.
102
Petronella:
Mem lijdt er genoch oender Jetske, hald jou deroer leaver stil.
Jetske:
Beüje wier noch op har tün oan 't arbeidsjen. Sij soe har wat forklaije, en dan daalik hjir komme. Willem kaem ek gau thuws, en sij soe sjen Bouke sisse, dat hij uws hjir llene koe.
F r o u Draaisma:
Petronella had nou oppassing, nou gean ik mar wer nei huws.
Jetske (tsjin frou Draaisma) :
Gean jou nou loart, omdat Willem en üettje for-wachte wirdde ? Nou jou har sa gelukkig sjogge, soenen jou, tocht mii, forlangst haw we is bij har te sjen. Of sit de aide kwael er noch te folie ien dat jou oer har forbientenis noch skamje matte ?
Frou Draaisma.
Dat is 't net Jetske, werom ik foart gean. Ik her-innerje mij noch te goed, wat ik sein haw sjin har. En ik soe Bettje nou toar 't earst tasprekke, ien disse omstandigheden0 Né, der ontbrekt mij de lust en de moed ta, dat ken ik net dwaan.
Jetske:
Ik soe er doch mar oer hinne stappe, mij tinkt de gelegenheit jouwt sich nou moai oan. Wer herstelt men de freunskip better, dan oender 't eag fan 't lij en.
Frou Draaisma:
Jou haw we op in oare learskoalle in 't libben gon-gen as ik. Ik wol wol graag Ijouwe, dat jouwes better wie, as mienes, mar dat is ienkear sa. Ik ken der noch net ta komme. Wat ik nog leare mat, wollicht op mien aide dei, hawjimmeal lang wieten.
103
J e t s k e :
O jou wolle sisse, mei die dwesse foaroardielen le brekken, die jimme lju noch oankleije.
F r o u D r a a i s m a ;
Ik haw ien de leste dagen hii'dde lessen ontfon-gen. 11 ie mien gemoed earder father west, foar de iendrukken die ik opfolgje mat, dan hie 'k foar folie lijen hewarre hljean, wat ik nou oenderfoen haw. Dan hie mien soan Petrus wollicht wol in forkearde kearel west, doch dit onskuldig hern, net troch him ien 't lijen rekke.
P e t r o n e 11 a ;
Dat is memme skuld net. Hie ik better foar mij sjoen, wat ik die, hie 'k mij betocht, en oertochi, foar ik mien ban skonk, dan soe 'k mij seis wol be-warre hawvve. Mar de sucht nei greatheit wier ek de oarsaak fan mien onbetocht, handeljen.
F r o u D r a a i s m a :
Nim mij net kwalik, mar ik gean noufoart. Ik sil jou gau is wer opsiekje. Dag Petronella, dagJetske. {Aof.)
.1 e t s k e : ( j'rou Draaisma nei-sjende.
Ja minske Dat de learskoalle foar jou hird is, Ijou ik graeg. Mochten jou de wittenskip mar opdien hawwe, dat it wier geluk net te keapjen is mei goud, mar dat in earlik gewisse, jou de plicht oan-wiest en it geluk op 't eag hat, fan alle minsken. Dat allegjere arbeidtsje matte, mar dan ek oanspraek op geluk hawwe, nei dat hij of zij behoefte bat.
B e 11 j e . (komt op.)
Der bin ek al ! Hoe is 't Petronella, net best wol ? Mar moed haldo fanke ! Wij sille wol meitse dat de libbenslust wer komt. Wij lisse net sa gau sjin de groen oan, en steure uws net oan ien minske, as die dwars wol. Wij skouwe him op side, en gean uws- eigen wei.
104
Petronella;
Ik wol jimme sin wol dwaan, mar wat helje jim jimme net oppe hals ? Ik bin sa goed as earm, mat dokter broeke, foar mien ziekte, en ien alles bijstien wirdde. Sieker jimme wolle te folie dwaen foar mij, der jim seis lest mei krije. Och lit mij mar oan mien lot oer.
Be tt j e :
Hjer is! gjin praatsjes. Wat wij dwaen wolle, dogge wij uwt leafde foar uws efenminske. En soenen wij it net oerhawwe foar ien, dy sa onskuldig ien 't lijen is, as jou ? Wij sille jou better meitse, en dan is wer sjen.
J e ts k e:
En as jou better binne, dan libje wij wer opge-romd meijenoar, slaan de bannen oan de ploeg om it deistik brea te forsjinjen. Wij leare ek jou de tünarbeid en as jou it wend binne, dan wol jon net heal wer iene positie, werien jou oan nou ta west hawwe.
Petronella:
Och, wat soe ik mei arbeidsjen foarsjinje kenne, as ik al wer better wird?
B e 11 j e :
Heel wol. Wij dogge it ek, en 't is gau te learen, as it mar moatten is. Besjog mien tün is, as jou bij uws binne, as it er net optech uwtsjogt. As wij wolle dan kenne wij in bulte.
J e t s k e :
En dit doare wij er bij sisse, uws manlju binne er best mei iennomt, en wij litte jou noait forlegen. Der is mien ban er op, en in goed sociaal forbrekt sien wirdt nooit. (Sij stekt Petronella de han ta.)
B e 11 j e ;
En der is mienes. (Sy stekt Petronella ek de han
105
ta, die troch har ek oannomd luird. Petronella faget in trien wei.) Mien snoar soe ik net helpe wolle? Wat er tusken mij en mien skoanalden foarfallen is, der haw jou gjin skuld oan. En hienen jou it al, dan praetten wij er ien 't lijen net oer, dan wie 't forgetten. En nou, net of al ? (tsjin Petronella.)
Petronella:
San tael haw ik nog nea hjert. Der de wirdden sa uwt it hert komme, der kin ik 't net weigerje. Sieker, ik liel hast al, dat ik wat better wirdt. As jimme it net te folie moaitte jouwt, en gjin ongemak mei de manlju er oer krije, dan nim ik het oan.
B e 11 j e ;
Dan mar net langer drale, en het gjüd bijenoar siikje, dan kin Willem uws straks wat helpe.
J e t s k e :
Wij nimme mar de romte mei. Hij leit besopen iene keuken. Least hawwe wij net fan him. En as er uws al lestig is, dan doarre wij him tegjerre wol oan, net Bet?
B e 11 j e ;
Wii binne fan ien kearel net bang, dan biene wij him fest, sa lang as wij dien hawwe.
Petronella {jouwt de kaijen oer):
Der binne de kaaijen fan de kast, kastje en Chif-fonerre en de sljipkeamerskast. Der lisse ek de beide beste bedden. Oppe tünkeamer sil jim ek wol gjüd fiene, der stiet mien kistje mei goudgjüd ek.
J e t s k e ;
Kom Bet, dan mar gau er op los. Wes mar bedaard en bljouw mar stil sitten. (tsjin Petronella) : Sil ik jou in waerme stowe bringe.
Petronella;
Ik bin net kald. (Bettje en Jetske oaf.) O, ik bin
106
sa raar. Ik trilje as in bled oane beam. Ik mei er net om tinke, mar sa ken it doch net. Och, wat beoardielt men de minsken al forkeard. Die wakkre frouliu is neat te slim, mei manljusmoed gean sij er op los, en ik swak skepsel ken neat, doar seis neat. Sa earnsüg liel ik mij. Mar nou de beste toet mar foar. Het is san aklige gedachte toar mij, bij de man wei, mar eender beskerming fan die eale frou-liu kin hij mii neat dwaan. Ik lit mij mar oan mien lot oer. Ik oenderlien, dat greatheit en geluk altied net bijenoar hjert, en hoefolle men fortrouwe kin op minsken, die hjitte te weasen, de beschavers der maatskappij. Sij kenne sa oafjaen op dat earme folk, mar wer skület karakter faek
Wie is der oan de doar? Kom mar len!
D o m i n ij {komt op, heeche hoed en wiette hef.)
Goeden dag, juffrouw Draaisma, hoe gaat het'? Nog al bij 't oude? Ik ging hier voorbij, en dacht, laat mij even aanzien.
P e t r o n e 11 a ;
Het bijouwt nog bij 't aide domnij '.
D o m i n ij .
Moed boude, juliVouw! moed boude. De Heeie zal uitkomst geven, dat zij uw eenige, maar gegronde troost, en geeft kracht in het lijden, dat helaas . voor u schijnt weggelegd, en dat men gehouden en verplicht is, met gelatenheid tegenover Hem te diagen.
Petronella:
En wer mat die gelatenheit foar sjinje domnij ? Ik doch it mij seis toch net oan'? En wer sil ik moed uwtputte, as er gjin uwtkomst is 7 üt mat die socht wirdde, dat de ein er gau is, de dea.
As de Heer mij uwtkomst jaan woe, dan stie it doch oen Him, om dat mar gciu te dwaan.
D o ra i n ij :
Zijn wil is ondoorgrondelijk. Uwe ontevreden-
-107
heid verzwaart uw lijden, en brengt u in noodelooze tegenstelling met zijn wil, wiens doen slechts liefde is, al schijnt dit voor ons dikwijls onbegrijpelijk. Oprecht tot hem bidden, om kracht tot het kruis, ü opgelegd, verzoent U met Uw moeijelijke weg.
Petronella:
Of hij san kreft besit, liek of jou sisse, en hij die ten beste oanwendsje wol foar uws, werom bringt hij dan Petrus, net oppe goede wei ? As die het drinken liet, en zich oppe kostwinning ta lei, dan koe mien lijen allicht, sa net gehiel, ophalde, doch for-sachte wirdde, want dat is doch de oarzaak er fan.
D o m i n ij :
Dat ligt aan hem, waarna wij niet mogen vragen. Zijn doen en laten, is voor ons een raadselboek, waarin wij niet mogen bladeren.
Petronella;
Mar as wij seis nou is besiekje, om in ein oan 't lijen te meitsen, troch bij him wei te gean, hoe soe hij der oer tinke sille, soe hij dat dan goed fiene ?
D o m i n ij .
Doch daar gaat voorzeker een goedgezinde, ontwikkelde vrouw slechts toe over, bij de grootste noodzakelijkheid. Want, wat God verbindt, is de mensch verpligt, die verbintenis als heilig te beschouwen. en mag die niet verbreken, eerst dan, als alle middelen der liefdesarbeid zijn uitgeput. Gij hebt U, door uw eed, aan hem verbonden, en zoo U daarmede een kruis is opgelegd, moet U dezelve geduldig leeren dragen.
Petronella:
Dat bat mij al folie moaitte kostte, sa seis, dat ik mien gesondheid er bij opset haw, mat ik mear ? As God goed is, en almachtig, dan kin hij waerlik ek wol in minske te rjuchte bringe, op in goed paed, en der mat hij ek behagen ien skeppe tocht mij om-
108
dat te dwaen, dan seag hij wer twa gelukkige tank-bre gesichten. Werom docht hij dat net, as him dat gjin moaitte koste ?
D o m i n ij ;
Dergelijke vragen mag U Hem niet stellen, dat is verzoeking. U past slechts lijdelijke berusting. Wat hij nuttig en goed oordeelt voor TT, zal hij I' schenken. Wij weten dat hij is een liefderijk God, en kunnen onze wenschen, door ernstig bidden Hem kenbaar maken, en, zoo hij het goedvindt, zal hij Uw gebed verhooren, en schenken wat U verlangt.
Petronella:
Doch men soe sa graeg wiette wolle, wat men sjen oer Him misdien hat, as men straf versjinne bat, en krijt? Bij uws trouwen had Petrus, foar him toch in falske eed dien, en as it houwlik iene hemel slüten wirdt, liek as jirn uws wies meitse wolle, hoefde ik foar sien misdrjuw net straft te wirdden, dat soe gjin minske earlik neame, en Hij dan al? Petrus had mij nooit leat haun, ik him al, mat ik dan foar Mm foar sien ondogensheit, straf oendergean ?
D o m i n ij ; (mei in suchte).
Ja, Jufvrouw Draaisma. dat zijn van die duistre vragen, waarop wij geen antwoord kunnen ontvangen. Maar mag ik vragen, hoe U sindts mijn laatste bezoek, zoo op eens staat tegenover het almachtig goede opperwezen? Bij mijne vorige bezoeken trof ik U altijd zoo kalm en gelaten. Is er soms, een dier Godloogenaars hier geweest, die U in opstand heeft gebracht, met wiens doen en laten, slechts liefde is !
B e 11 j e ; (komt has tig op.)
Frou, die iene kaai, past er net bij. Kom jou hawwe geselskip. Dag domnij ! Soenen jou de frou is besiekje.
D o m i n ij ;
Dag Bettje! Ik kwam zoo even aanloopen, om
109
naar de gezondheid van Jufvrouw Draaisma te vernemen.
B e 11 j e : (stjin domnij)
Wietje wat, wij sille sjen oan har lijen in ein te meitsen. Het hat al fjirst te lang duurre. Jou koen sokke minskei), as de frou, in greater sljinst bewiese, as jou wat foar har oer hawwe.
ü o m i n ij ;
En dat is?
B e 11 j e ;
Wol nou, dan moatte jou de manlju wies meitse, dat allegjerre, die sterke drank broeke, net iene hemel kom ine. Dat helpt mear as de boan fan ou-skafling fan sterke drank dwan kin, en 'tkoewease, dat sij jou better Ijouwden as uws.
D o m i n ij :
Alweer spotten. Ik behoef thans niet meer te vragen, ju IVrouw Draaisma, wie u in opstand heeft gebracht tegen uw God en Vader. Doch wat ik u bidden mag, leen het oor niet aan de dwaalbegrippen dier menschen.
B e 11 j e (laket):
Thuws de groetten is, domnij. De frou harket mear nei uws, as nei jou. En it sil har wol fol-dwaan. Alwer in skjipke fan jou kudde oudwaalt, jou matte better herder wease.
D o m i n ij (lilk wei):
Die menschen kunnen niet anders dan beleedigen. Ik ga vertrekken, (fey op.) Nu, jufTrouw Draaisma, beterschap, (hij fasket mei har en gjit oaf.)
Petronella:
Insgeliks domnij, goeden dag.
B e 11 j e ;
Wij hawwe it measte gjud al wat bijenoar raamt
110
sa wat ienpakt, en efteruwt bij in kennis brocht. Joen gean wij hinne en hel je mear.
Petroneila;
Hjir is de kaai, en nim it kistje dan mar mei, hjir hinne.
B e 11 j e :
Kom dan sil ik dat nog dwaan. Wat bljouwt Willem lang wei. Mar wat is dat ? (Men hjert rop-pen en rasen buwien de skermen.)
P e t r o n e 11 a :
O heden, nou kriget Petrus it malle fel wer oan, bljouw bij mij, bljouw bij mij. {sij gjit stean.)
B e 11 j e :
Wacht, iene keamer leit de tange, die sil ik hclje. {Sij komt dadlik wer op mei de tange iene han.)
Petrus {stuitjende wei op);
Wat is hjir .... te dwaan ? toar den .... donder, jimme sille . ... er uwt .... der uwt sis ik !
Beitje {glimlaket, gjit foar him stean):
Dat sille wij dij oanstons sjen litte, slansfet.
P e t r u s {jiel Bettje sa wat fan si-den en ivol nei Petronella ta, hij had de fust oprolle.)
Mar dou .... net .... dou . .. , bljouwst hjir sis ik dij. {Bettje gjit foar him stean mei de tange Hear.) Petrus oenderhellet de fust om Bettje te slaan enseit): Wat dochst dou hjir.... gean mar .... nei dien sociaal soodsje. {Bettje krijt kim bij if boarst beet.)
Jetske (komt op, glimlaket)
Wat is hjii te dwaan ? Het uws maat de sliep uwt? Wat is er brimstich. {Bettje lit him los.)
Ill
Petrus* (sjin Jetske)
Dou hjir ik (hij oendwhellel wet de han om te slaon.) Ja dat soodsje .... hjir de tanga ... Ik
sil jimme er mei uwtramije.....Ik bin ....
hjir baas
(Petronella skriemt).
B e t t j e : (stjin Petronella).
Nou frou, bin jou klear, sille wij him sjen liüe wat wij sille.
Willem: komt O'p.)
Moast ik hjir komme ? O, ja ik sjoch it al wat er geande is. (IT ij krijt Petrus bij it boarst en seit:) Der stean wij wer loar elkaar oer, broer, mar oars as doe. Wienen wij h jir te gjerre maet, dan soe ik dij is besjutte, wat least as ik en Bet, fan dij han hawwe, en dan soenen wij ourekkenje, der koest
op oan.....Doch don bist it mij eigentlik net
wirch. Dou bist te gemien om foar in minskeoan-sjoen te wirdden, en ik bin blied dat Petronella eindlik beslaten is, bij dij wei te gean. Nou Petronella, bin jou klear, de keamer is bij uws waerm, en de stoel stjit klear. Wij sille op jou pasje, as wien jou uws eigen hern, en net allinne wij, Bouke ek, wat sisse jimme oars frouwlju.
B e 11 j e en Jetske.
Dat sille wij, der hawwe wij uws han op jaon. (Bettje en Jetske nimme elk in earm fan Petronella en gean langsam mei har fan it toaniel, Petronella skriemt tige.) {Petrus had sien eagen del slein. As de frouwlju fan 't toaniel binne, Ut Willem, Petrus los, en gjit flak foar him stean, Petrus hald him fest oane stoel, mei de eagen en holle fordel.)
Will e rn :
Brekt dij noch it herte net, bij 't sjen fan 't lijen fan dat goede sloaf, die dij sa ienleaf hie, dat sij har libben oan diencs fjorboun'? Mar die stou ek trou swartste, en beskerrning beloafste, doe har alles oppe wrald ontfoel, en slechts ien dien leafde, har
112
heechste lean fine koe. Moast stou doe gemien wirdde, en warderje die leafde, en steunne dat swakke skep-sel net, dat alles foar dij die, en wease woe. Moast dou doe dij as in dier foar leagje, en al die opof-fring, al die moaitten en soargen die sij en dien alden, oan dij ten koste lein hawwe, en nog lisse woenen rnei in dierlik libben beleanje ?
Freeslik is dien skuld, en djippe forachting dien deel. Forachtlik beeld fan nws forrotte maatskappij, hoefolle rinne er om, die dien foatstappen drukke, en noch op in heeche trieme fan de maatskappelijke Ijedder steane. As er in miljoenlje ien dien brandkast huwsde, dan soe de kliek dij nog wol achtte en eart hawwe, ja dan wiest allicht nog goed west for kamerlid of minister of in oare post bij de warkliek te bekleedsjen. Mar sa leeg is it folk nog net son-ken, dat sij san mispnnt oppe strjitte smiette doarre, as sij har seis net wer opheffen wolle. Het volk wiet ien sien rangen noch de minsken en dieren te oenderskieden. Mar ek sjochge wij ien dij it beeld, dat der wer de skatkist de miljoenen uwtsoegt, uwt it drankfet, de trinnen rolje van tüsenden en wer tftsenden froulju, die har opoP'erje matte, om de bjoajemloase kisten te follen fan de staet, der net let wirdt op it hannenwringen tan die onskuldige skep-sels, die smeekje, bidde seis, om sluting fan Skie-dam.
Hef dij op, leer minske tewirdden. Asstou safier biste, dat stou dien waerde begriepste en kennen learste wat dien ropping hjir is, dan sil de wolkomme hannen dij noch altied tastitsen wirdde troch dien broer.
lï GORD!EN FALT
FIFDE BIDRJUW.
li toaniel is in ienfaldigc kcanier bij Willem en llclijc mei twa tafels, oan de icne sit Willem te sjirjuweu. Sa folie möglik liiiigje er portretten fan socialistische sprekkers oan de skermen.
Will e m {skrjuwt nog in eagen-blik, leit dan de pen del en seit):
Kom, dat is wer oudien. Oer de taktiek der partij, binne foar en nei al wat letters skrean, en wat hollen waerm makke, lij it ien uws lan safolle, dat de herten, sa 't liket, er kald fan wirdden binne. De warmte fan 't partvjlibben is foart, en sil dat fjür, dat die flinke, degebke strieders bezielde, uwtdoafje ? Warme hollen, die har üterje ien allerhande per-soanlikheden, skrjuwe lange artikels, dat it rjucht oan har side stjit, en mei dat alles is de partij ien miskrediet rekke bij har, die de ideeën beskügje as de edelste opfatting fan 't minskelibben. Revolutionairen, parlementairen, elk docht sien best, om de zielt jes oan har partij te foarbienen: elk leit de moaiste bollen toar 't finster! doch 't folk is dat geharrewar ba! en sjocht ien, dat just troch ontwikkling het einddoel te berikken is, wat men sich foarstelt fan Soceaal-Democratie. Sij wiette wol, alteast de measte fan harren, dat de libbensstandaard te forbetterjen fan folie earnu- stakkers, net behoeft te wachtsjen op het berikken fan 't einddoel, mar elk mat sien best dwaan, om sien eigen libben sa ien te rjuchtsjen, dat in oar sjen ken wat hij wol, dat men de died bij it wirdt stelt. Dat helpt mear as lange redenaesjes oer do laktiek der partij. En as alles oannomt wat oanbean wirdt, troch de tsjin-partij, om it onrjucht, sa it hjit, te herstellen, wat al lange lieden bestien hut, dan nimme wij dat op oubetelling, mar slüte derom de rekning net mei foldien. Die in bietsje neitinkt, ken düdlik sjen,dat uws onordelieke samenlibhing sien deastried neibij is, dat de alles oerlleugjende concurrentie tiet kaptael ien enkele hannen spile het, die it net wer glippe
8.
114
lit, want die miene op 't least de wrald alhiel be-hearskje te kennen. De natur lit him net oan bannen lisse troch de inkeling, en sil har rjuchten foar-oferje, ien 't belang fan allegjerre, troch de witten-skip, al besjitsje sij ek de ierde mei bajonetten, maréchaussées en gevangenissen.
Wij geane mei san sterke macht oane side, ontwikkling, stap foar stap toaruwt, en sjogge net, wat efter uws omspartelt, om it aide ien stan te halden. Foaruwt is uws leus, en sil dat bij ouwe, salang as de flagge der oerwinning uws net dekt.
Bettje en Petronella {komme op, men kin sjen dat sy oan de lünarbeit west haw we.)
Bettje (gniskjende.)
Is de krante hast folk rast ?
Willem (gniskjende.')
Groeije de bean al? Komme de bjentjes al op?
Bettje;
Haw de gek er mar mei heitte, uws plak leit wol so moai as dienes.
Petronella (sjin Willem.)
Jou matte mar is meikomme, dan kin jou it sjin. As er praatjes hat Bet, dan wjoedde wij sien eakes net wer.
Bettje:
Né, dan mat er seis mar.
Petronella:
Wij kenne de eakers er wol uwt, die wij forliden jier in goede meter omhakke hawwe, wat steane die planten folie fjoarsser as de oare.
Bettje:
De sinne ken better bij de woartels komme, der troch is de groen losser, en het wetter rint ek better foart, of sipet er troch.
115
W i 11 e rn;
Dan mat mar wer in plak sa djip omhakke. quot;Wij matte net stil sitte, of de groen moat fjoartbringe, wat sij kin. En dat sij uws drokte betelje wol, der fan hawwe wij blieken.
P) e 11 j e :
De lju skiene de aardigheit er doch wat ou te krijen, fan uws arbeidsjen ien en op de groen. Sij mienden mar, dat wij gjin tantsjen leare koenen.
P e t r o n e 11 a ;
It fait mij ek mei, dat it sa goed slagget.
Willem;
As wij noch wat tied fan libben hawwe, sille wij har noch is wat oars sjen litte,
B e 11 j e ;
Kn sij laitsje nou net mear, om uws achturige arbeit. Fjouwer uren op 't fjild, fjouwer iene huws-halding.
Petronella:
Uws burman had de dei ek al ienkoart en skient it him goed te foldwaan.
Willem:
Sa as wij it nou hawwe, moasten de arbeiders eigenlik ek kenne. Troch mien sparpot, en jou for-sjinne lean, mei dat bietsje dat Bouke en Jetske hienen, hawwe wij in eardige hoeke groen koft, en sa it nou stjit, kinne wij op uws goed zeis pouns-mjitte foar uws seis iten bouwe, en wij kinne safolle forruilje, dat wij omtrint er uwt bestean kinne. En mear hoewwe wij net, alteast noch net.
B e 11 j e :
Ik tink wol faek, as uws rieke tsjerke, die san hounderd pounsm jitte greidlan omme bwurren hinne lissen bat, dat ek is oan healpounsmjitten fordeelde,
116
ien oarder meitse liet, en oan elke arbeider forearst foar in billike hier joech ien 't gebruk, libbenslang, dat dan sok lan rnear as \'it keur safolle foardiel joech as nou, en twa hoenderd huwshaldingen in sjokker stikje brea jaau koe.
Willem:
Ja, mar dou moast ek rekkenje, dat er wat oer-moast, cars wie it gau uwtbout.
B e 11 j e ;
Der koe de gemeente wol foar sjorgje.. As (le djoarpsreiniging oan it djoarp seis kaem, dan wie er al in aerdige hoeveelheid mestspecie te forsam-rneljen, dat helpe koe.
P e t r o n e 11 a :
En as domnij sien trauternent besteld waer, foar guane-oankeap, dan die it mear nut as nou.
Willem;
De skoarre fan de tsjerkepleats koe tsjinje foar die arbeiders, die har vruchten Ibuws net bergje koenen. Dan noch foar boartesplak iene hjitte simmerdagen foar de bern, en as gymnastieklokael, dus trijedübel nuttig.
B e 11 j e ;
As de tsjerke dan noch wat cinten oor hie, dan bouwden sij sa nou en dan in flink arbeidershuws op die groen, wer dan \n arbeider ien wenje koe,
P etronella:
Dan koenen de earmtouden wol oppasser wirdde, dat elk sien plak groen goed oenderhalde, en sa net, dat sij it har dan wer ontnamen.
Willem:
Mar de arbeiders moasten er ek oan wenne. dat sij er gjin langer rjuchten op hienen, salang as sij it goed bearbeitsjen koenen, en dat er dan wei m oaren opkaam, dat it lot besliste.
117
B e 11 j e :
De boerren en boargers binne, as wij it goeie be-skügje, net in hier better as de greatte lju. Sa lang as sij nog wat ien 't kabinet bawwe, miene sij ien har Cd in talk te sjen.
Wille m ;
Al wer it aid gebrek ontwikliny.
O O
Petronella:
De measte stean ek, wat ontwikling betreft, op 't lan alteast, mei de arbeiders geliek, ja der binne gjüd, die boppe har stean.
Willem;
Dus meer oenderwies en doelmatige skoallen. Het tasicht op 't oenderwies oerlitte oan de alders der bern, en as gau muglik, de domnij's uwt har post, as leden der skoalkommissi, ontsloan.
B eitje:
Ik wie leasten bil uvvs buurwief, die har bern hie-nen boeken uwt de skoallebibliothék. Ik seag er ien, en jawol, foarknoeiede vaderlandsche geskiednis, oer Prins Maurits sien moardpartijen, mar net oer sien bulte onechte bern. ITet minske forhelle mij, dat de measte boeken oer sokke dingen skruwden, die iene skoalle wienen. Der moadde wirdt, mat ek in leaven Hear wease, die het hawwe wol, en sokke minsken priesget, dat wiet domnij wol.
Petronella:
En sa wirdde die jonge herten, al sa jong bedoai n. Dat moat oars en better. Wolle wij er kearels, mei karakters fan meitse, dan binne er wol oare greatte mannen te fienen as moadners, der wij de bern op wieze kenne, as foarbielden.
WT i 11 e m :
En wij koenen uwt de oenderwiezerswet de Chris-
118
telieke deugden ek wol misse. Sij binne nou al sa lang oankwéke, en de wrald wird geande wei beroerder.
B e 11 j e :
As de masters oan de bern learden, dat de mins-ken broarren en sisters wease moasten, deierdefoar uws allegjer is te brftken, om te libjen en te for-meitsen, en net als handelswaer brukt wirdde mei. Dan wienen de groenlagen, wer op bouwt wirdt, frij wat earler lein as nou, en de fruchten er fan soe-nen net uwtbljouwe.
B e tt j e ;
Kom Petronella, wij meije uws tiid net forbabbelje. Wij süle uws wal waskje en foarklaaije en dan wer oan de nulle.
Petronella; (hesjochi har kannen.)
Mien dameshandjes sjogge er al oars uwt, as doe ik bij jim kaem.
Willem:
Voldocbt it nou al better, as bij de man ?
Petronella:
Dat behoef ik net wer te sissen, der hawwe wij sa faak al oer praet.
B e 11 j e . (loeht Petronella oan 't jak)
Nou kom. {Bettje on Petronella oaf.)
Willem:
En ik sil mien brief oppe post bringe. {Hij teart de bogge, docht die ien in Couvert, en set it adres er op.)
B o u k e; {komt op mei in brief iene han.)
Willem, er is tieding fan Petrus komt. Hij had oan uws buurman skruwn, wol je him lease?
M9 Willem:
Ja wis, ik bin er tige neisgjirrig nei, wer komt er wei ?
B o u k e ;
Moat Petronella him ik lease ?
Willem:
Wer is er nou'?
B o u k e ;
Leas mar. Geachte Vriend ! Belofte maakt schuld. Ik zal u in het kort, mijn wederwaren mededeelen. Zoo gij weet. werd mijn zaak gelikwideerd, en, zooveel mogelijk, mijne schulden betaald. Met medewerking van mijn vader en een vriend, werd ik geplaatst aan een handelskantoor te Haarlem, op een salaris, waar ik juist mee kon rondkomen. Mijn patroon, een zeer ernstig man. stipt op zijn werk, houdt een naauw-lettend oog op zijn personeel, vanaf de chef tot aan zijn minste bediende, en is onverbiddelijk op hun levensgedrag. Wat ik in mijne nieuwe betrekking gevoelde, zal ik niet beschijven, maar de ernstige man, had een overwegenden invloed op mij, zoodat ik na vier jaar in de betrekking doorgebracht te hebben, mij de lust bekroop, mijn ouderlijk huis te gaan opzoeken. Mijn patroon was welwillend genoeg mij daartoe toestemming te verleenen, en kom ik eerstdaags over. Mijn ouders heb ik van mijn komst verwittigd, doch verzoek u beleefd zorg te dragen, dat mijn vrouw zulks niet komt te vernemen. Bij mijn komst, hoop ik u te ontmoeten, doch zal eerst bericht van mijn ouders moeten afwachten.
Tot zoolang gegroet.
Uw Vriend
Petrus Draaisma.
Hoe sille wij der mei '?
Willem;
De aide lju sille wol foi^langst nei him haw we.
120
Hii hat it dan mar goed troffen, en as it sa is, dan is die learskoalle for him nuttig west, disse f]ouwer jier.
B o u k e :
Praat Pretronella noch wol is oer him.
Willem:
Och ia, dat kin jou begriepe. Sij mieade mei him eelukkich te wirdden, en as sij dageliks bil uws is, dan leit dat foar de han, dat sij ek greag sa wollen hie.
B o u k e :
Mar hat sij wol is langst nei him.
Willem;
\ei him, net! Wij kinne tige best mei elkoar, mar sij stjit toch altied allinne, en dat is des minske bestimming net.
B o n k e :
Dat lit sich begriepe. Het foldocht best, mar sij koe mear genot hawvve, dat sprekt. Sij soe ek sa greag wolle as wij; en in eigen huwshalding hawwe.
Willem.
Wiet jou, wat mij wol is fremd ta liket, dat hij n a wer bij sien alders west hat.
B o u k e ;
Praette jou wol is mei har?
Willem;
Nog nooit man, sa lang ik bij har wei gongen bin.
B o u k e ;
Dat is toch fremd. Sij sjosrge jim sa gelokkich libjen, mij tocht sij koenen it net uwlstean.
Willem;
De oare libbenswieze, die wij hawwe bij in oar,
121
docht er ek sienes bij, en mien aide heit is in stoere stanfries, die fan fïjin nijërwetske dingen hald.
B o u k e :
Ik koe it net sa lang uvvtstean, en foral, as ik sa ticht bij mien bern wenne.
Wille m ;
Dat de kwestie mei mien alders vver te rjuchte kaam, soe 'k graag woile, foaral om de steun en oanhoald, die wij de aide minsken biede kenne. Mar Bet mat stean, en stjit mij hoppe mien alden. Hienen wij of ien, fan uws har' beleadigje, dan hienen wij er hinne gien, mar nou net.
B o u k e ;
Dat sis ik mei jou.
Willem:
De beledigingen binnefan har uvvtgongen, doe Bet har ear hersteld wie, moaslen sij har as bern erkint hawwe.
Bon ke:
Ei nou, it sil noch wol is te rjuchte komme.
W i 1 1 e m ;
Dat hoapje ik, ik sil har alteast gjin least oandwan.
B o u k e :
Ik moat fnart. Goe'n dei. (Oaf.)
Willem (ropt lus ken de s kermen) :
Bin jim klear, froulju ! Ik raat de brief oppe bus bringe. (Oaf.)
B e 11 j e (ropt efter de skerm);
Ja, gean mar foart. ('t Toaniel is efkes leeg.)
B e 11 j e en P e t r o n e 11 a (komme op):
Kom, Petronella, wij matte de skea wer ienhelje fan uws babbel jen. {Sij geane te gjerre bij de tafel sitien te naaijen.)
422
B e 11 j e (gniskjende):
Dat is al acht jier, dat ik huwsfrou bin, en nog net trouwt. As alle jonge lju sa lokkich wienen as Willem en ik, dan soe it foaroardiel wol wat ta bedarjen komme.
Petronella (gniskjende):
En ik bin tjouwer jier libbende widdou, en wiet seis net as mien leave man noch libbet.
B e 11 j e:
't Is toch fremd, dat hij nea net is skrjüwt.
Petronella:
't Is net noodig. War gjin leafde is, kin ten minste fan gjin houwliksban tusken uws sprake wease.
B e t s j e :
Krij jou nea forlangst nei him ?
Petronella;
Ik sjoch nou sa goed ien, dat wij net bijenoar hjerden, dat ik net mear oan him tink. As ik him wersjog, ken 't nog wol wease, dat er fan die inkelde gelukkige dagen mij foar eagen komme, mar dadlik derop tink ik forsiker wer oan dat lij en, dat ik uwstien haw.
B e 11 j e :
Dan haw ik it better troffen.
Petronella:
San flinke, earlike, forstandige man as Willem, der ken men siker greatsk op wease.
B e 11 j e :
Wer soe Petrus wease sille ?
Petronella:
Ik wiet it net. Jetske har boarfrou hat mij sein, dat hij skruver wie op in handelkantoar in Hollan. Dat hij best oppaste en sien patroan wol fan him halde.
123
B e 11 j e :
'n Geluk foar him, dat er nog in minske wirdt.
Petronella:
Ik ha 't nou goed, en wat wol ik mear. As it jitn net te beswierlik is, soe ik mien libben sa wol sliete wolle.
B e 11 j e :
Hark ris, der mei jou net oer prate. Hawwe wij wol is in inkelt wirdt forskil hawn ? In beswier bestjit net foar uws, jou foisjinje alles seis.
Petronella:
Het liekel mij wol is fremd ta, dat mem mij nooit net is noeget, om bij har te kommen. Sij kin it mij net kwea nimme, dat ik bij san kearel wei gong.
B e 11 j e :
Och, der sitte de beginsels nog ien, fan die lietse arristocratie. Het is dat heeche bloed, wat troch har ieren floeit, en dat mei dat gemiene net formenge wol.
Petronella:
Dat sij har wat op har stan forstean litte wol, dat is wier. Och sa wie ik froeger ek, doch har hert is oars net sa kwea.
B e 11 j e ;
Sij bat safolle oenderfoen, mij tocht die malligheden soe sij oerboard smite, oane kant skouwe. Wat koe sij noch in genot fan .har bern hawwe.
Petronella:
Sij hat nou ek neat. Komt nea ta de doar uwt. Wat libben hawwe sokke minsken oppe wrald.
B e 11 j e ;
Sij dogge har seis in great lest oan, mei har flaau-we greatkons. Beklei har net, dat binne sij net wirch.
124
Petroneila;
Dat doch ik ek net. Sij sille meitied troch it volk wol wieser makke wirdde.
B e 11 j e :
Dan kinne sij mei üws, in toantje léger sjongge as it har düdlik makke wirdt, dat sij neat raear, ja lang sa nuttig net binne as wij. As sij ek, liek as wij, de kost mei de hannen fortsjinje moatte, dan silte die wol omkeard nei 't wirk stean.
P e t r o n e 11 a :
En dan sille sij noch wol is leare woile fan dat gemiene folk, dat nou al ien folie opsichten boppe har stjit.
B e 11 j e .
Het sil noch wol wat fjoatten ien 't, gat hawwe, sa men wol is seit, foar it sal-ier is. Doch roenom binne de hollen ien onstjoer, op wat hoeke fan 'e wrald men hjert. Sa mat it earst kom me.
Petroneila:
En soe er dan eindlik foarbettring foar de doar stean ?
B e 11 j e ;
Die beroering ontsjit uwt de oentevredenheid mei it besteande. Het aide spultsje wat oplapje, sjogge sij wol ien, ken neat raear helpe, der bijouwe te folie buten stean, die der net fan profitearje kemie. De forbetterde machines smiette alle jirren meai-arbeiders oppe strjitte, de greathandel, mei har ^reat-ka|)taal, oerllu'/elje de lietse handelaers, en die greatte slroarn fan rninsken, die oars nei leard hawwe as handel, mei it besteande stelsel, wer oan in kostwinning te helpen, dat is ki-«kt sa onrnoglik, as in bok sprekken te learen, de wetten steane har fan alle kanten iene wei.
Petronolla:
Dan moatte die wetten hersjoen wirdde, en ien oeriensternrnina brocht wiedde mei de behoefte der tiid.
li e 11 j e :
Dat is wer in lape oer het aide kleed. Sij moatte ouskaft wirdde, en het folk mat meijenoar de nije wetten meitse, die sij noadig achtsje, dat sij allegjer de selde rjucliten foar har bestean hawwe. As het volk ienkear de macht kiijt, moatte sij net te heech opsjen, tsjin it forstan en witnis fan de mannen mei de wiette boardjes en manchetten, want dat is alles lang gjin süvere waar, er rint in bulte boekewiesheit oender, die ien de praktiek net doocht. Wij moatte alles fortbringe, si] kenne soender uws neat, en soe-nen wij dan langer alhiel nei har piepen doensje moatte ? Wij moatte er carst wease, foar sij har machines dampe litte kinne.
P e t r o n e 11 a ,
Ja, dat is ek wier.
B e 11 j e :
Doch as sij de machines ien har besit balde, dan ken wij wol arbeidsje, om har greatte foarsjinsten te besworgjen, en skiepje sij uws, krekt sa lang mei in leech dei hjirke on, dat har pakhuusen allegjer fol gjud sitte, en wij gjin cinten hawwe om it te keapjen. Dan binne de waren goedkeap, mar de keapkreft is wei, en bljonwe sij sa lang sitten mei har gjud, dat it har foarfeelt en it sjin alle prisen fan de han dógge, en de Vennoatskappen oenbine. De arbeiders wirdde op stritte smiten, en biede har wirkkreft oen, stjin alle prison, sa srniet it iene het oare fan hoppen, en san wrald hawwe wij sjenwirch. Oan uws meijenoar de groen, verkeer-en arbeids-midels, de machines enz. om foart te bringen opep groen, en nwt te hel jen wat wij biuke kinne. Dan moatte de wetten i!quot; gebruk regelje, en er ien for-sjen, dat dit alles ien gemienskappelik besit bljouwt en brükt wirdt, ien 't belang lan 't algemien.
426
Petroneila:
Dan kinne wij ek nog is profUearje fan al dat moais, dat hjir en der, ien oare oarden te sjen is, sa men hjert, en dat wij nea komme te sjen, omdat de beurs derta te plat is.
B e 11 j e :
As alle forkearsmiddels iene hannen binne fan de gemienskap, dan spoarre wij is nei Dutsklan ta, om op de bergen te sjen. Mei de keartsjes, as bewiesen, iene büse, die wij forsjinne hawwe ta genotsmiddel, ta oentspanning, binne wij roenom klear.
Petroneila:
Ken wij der dan roenom mei klear wirdde'?
B e 11 j e :
Wel seker. Dan steane er gjin soldaten mear oppe grinsen, die uws sisse dat wij ien in oar lan binne, of douanen om uws te fisetearjen as wij ek smok-kelwaer bij uws hawwe. Het bewies van fortbrin-ging of arbeit, is roenom geldig.
Petroneila:
't Sil noch wat dwórje, jet it sa lier is.
B e 11 j e :
Derom gjin moed forlein. Striede, dat wij it for-krije meij, wij net! dan uws neiteam. It soe mien namme onear oandwaan, as de minsken nei mien dea sisse soene, Bettje hat har best net dien.
Petroneila (sjocht ta it finster uwt):
Kom, der komt Willem oan.
Bettje:
Dan kenne wij straks earst thédrinke.
Willem (komt ien):
Kom, alwer oan de nulle ?
427
Petronella;
Wij hienen uws tied forpraat, derom skreppe wij nou safolle hirder.
B e 11 j e :
Tied is jild wirch, seit it sprekwird, en derom matte wij it meinimme.
Willem (sjocht ta it fins Ier uwt) :
Wie komt der oan ? Sjoch dat jirrig minske, dat der omme hoeke komt is ?
B e 11 j e (Sij sjocht ek):
Dat is jou mem, Willem ! as ik it goed sjoch !
Petronella {sjocht ek ta it finster uwt):
Soe sij hjir komme sille? Dat liket sa wol.
Willem;
Ja wrachtig, sij draait dit op.
Petronella (tsjin Willem): Jou meije jou papieren wol wat opredde!
B e 11 j e :
Lit mar lisse. Safolle moaitte hoewt men om in oar te ontfangen, net te meitsen.
Willem:
Ik mat toch strak wer oan 't skrjfiwen.
Frou Draai s m a (komt iene doar, men kin sjen, dat sij alder wirden is) mei in sachte stimme):
Mei ik er ien komme ?
Willem:
Mem! Hoe hawwe wij it nou ? Jou hjir ? Koenen jou uws huws fiene ?
Frou Draaisma (iene doar): Het is de fraeg, as ik wolkom bin ?
Willem:
Hoe soenen jou net wolkom wease ?
F r o u D r a a i s m a {komt ien):
Is 't nog goed mei jimme ? Wie't hoe faek, soe ik nei iim ta, mar lit rnii earlik bekinne, ik doarst 't net.
Willem:
Werom nel ? Wij hawwe jou it huws net foai-bean.
F r o u D r a a i s m a :
Né, jonge! Dat wiet ik wol, mar der is safolle forfallen, wer ik sa 'n least fan baw, dat ik koe it net langer uwtstean. ilien beide bern, op san manier misse te moatten, die mvs alles wease koenen, tot stean in jins alderdom. Nea bij har te kommen, dat moast óars. De iene sa lier ou, doch de oare, dou wiest lichte bij uws, en 't skiende wol, dal dij alles forgetlen wie, mei hoefolle soargen wij dij great brogt hawwe, en dat bij dij gjin trek bestie, om is bij uws te kommen. De alderleafde wie alhiel forgetlen !
Willem:
Och nc, mem ! die wie nel forgetlen. Faak baw ik de stille hoap bij mij hawn, dat ien fan jimme, as wol beide, komme soenen bij uws, want ik be-griep best, wat it alderhert liele moasl, bij il toilies fan har bern. Doch Bet tsjit bij mij nijer as mien alden, mem, en dat mat ommeis ek sa wease, net! Sieker mem, de greathertigheit, dat jim pleagel, mat er uwt.
F r o o D r a a i s rn a :
Och Willem, as stou witten hiesle, hoefolle sljip-loase nachten ik Iroch brogt haw, dan hie dien berne hert nel swije kennen. Hoefolle trinnen er fallen binne om jimme, né 1 dat biest net uwtslien jonge !
129
Willem;
En toch soe de leafde fan Bet bij mij heecher stien hawwe, mem, ik hie net komt.
Frou Draaisma;
Sil nou alles forgetten wease, wat er forfallen is ? Ik wol graag mien han er op jaan, dat ik er noait wer oer prate sil.
Willem:
Der is 't allinne net goed mei. Wij hawwe noait spul hawn om uws seis, doch tsjinoer Bet is jou skild great. Ken Bet er ien tastimme, dat de freeslike fortinking, die jim op har laadden, mei de handruk, die mem dan ek har biede wol, alles forgetten wease sil, of Ijeaver noait wer oer praten wirdt, dan is dat fan mien kant uwt de wei.
Frou Draaisma (tsjin Beitje):
Betlje, as ik erken, wij hawwe jou min, o sa min behandele, doch der sa 'n min karakter as uws soan Petrus, tuskenbeide siet, die him niks slamme, 't is treurig dat ik it sisse mat, mar 't is doch wier, en de foaroardielen, uws stan eigen, wienen de oarsaken, dat de beskuldiging sa bird roen. Nou ik dit alles djip betreur, dat het gebeurd is, en ik jou foarklearje, dat fan mien kant alle wrok fordrean is, ken en wol Bettje mij dat ek neisisse, en mij derop de han jaan ? Sij ken dermei in jirrich minske, die fan fortriet en kommer de hjirren gries wirdden binne, gelukkich meitse. {Sij stekt Bettje de han [ta, die disse oannimt.)
Bettje;
Frou Draaisma, san earlike bekintenis docht mij goed, en nim jou hun mei graagte oan, en beloof jou, dat it forgetten wease sil.
Frou Draaisma;
O, tank, tank, nou bin ik gelukkich. Jou sille oenderfiene, dat ik ien acht jier in bulte leard, in bulte oenderfoen haw, wat ik noait tinke kint hie, dat in memmehert oenderfine koe seis.
9.
130
B e 11 j e (tsjin fron Draaisma) :
Ik moat sisse, dat doe jou hjir binnenkamen, mij nog alles net forgetten wie, want it wie hird, tige hird foar mij, wat ik bij je oenderfine moast, doch jou earlike bekintenis die mij goed, ik fielde dat sij uwt jou hert l'oartkaem. Ik hi! jou, safolie as ik kin, forgoedsje as dochter, as ik mij nou sa neame mei, foar die raoailike jirren, die jou trochstien hawwe. As mien mem, die nou al lang dea is, kar dochter as in weijage dief oppe strjitte stean sjoen hie, wat soe it memmehert dan üelt hawwe. Der moastten jou doe ek om tocht hawwe'?
F r o u Draaisma:
Ik miende doe, lit mij earlik wease, as /'row fier boppe in faem te stean, en koe mij nel begripe, dat sij ek op san hichte stean koe as minske, liek as wij. Ik folgge, wat in oar mij foardie, en miende derta rjucht te hawwen. Ik haw leard, dat minskeweasen, net oan in stan iene maatskappij forboen is, nou ik jim gelukkich libjen sjoch.
Willem;
Blied bin ik, dat mem dat insjoen bat, het kin jim geluk foarheecbje op jim aide dei.
Frou Draaisma {tsjin Petronella):
En Petronella wie net lilk op mij, wol ? It lijen dat jou uwtstean hawwe, haw ik mei jou dielt. Wie het foar jou swier, och Ijou dat it mij ek trinnen kost bat.
Petronella;
O né! mem ! Ik hie gjin wrok tsjinoer jou, doch nou ik hjir wie, hie ik in minne positie, om nei jou ta te rinnen.
Willem {tsjin frou Draaisma):
Mar heit! werom kaem die net mei ?
Frou Draaisma:
Och jonge, sa mei ik dij nog wol neame, net?
131
Heit soe graag meikomt hawwe, as hij mar wist, dat hij goed ontfongen waer.
Willem;
Dan er dadiik mar op uwt. {hij gjit oaf.)
B e 11 j e :
Werom soe hij ek net ien 't geluk deele ?
Frou Draaisraa (krijt Bettje bij
de han):
Och Beitje, ik soe sa graag wolle, as mien aide man oanstonds hjir komt, en noch is wat brimstich is, dat jou dat wat oor de holle sjen wolle. Hij ken noch net sa gau oer alles hinne komme as ik, en ontfalt him wol is in wirdsje dat net op sien plaets is, hij mient it net sa slim.
Bettje:
Dat nimme wij net sa nou mear. Wij wolle om-mers geluk om uws hinne forspriede, en sjogge ek oan, wie wij foarhawwe.
Frou Draaisma;
Dat soe ik sa graag wolle ? Dat die skoane dei die foar uws allegjerre goudene dagen beloove, net wer forlern gean meij. Ik wol jim net lestig falie mei mien geklei, o né! Nou mij in stien fan 't herte fallen is, wol ik pleisierig wease, nou kinne wij ommers wer libie.
Petronella;
Ja mem, wij wiette foaral wat lijen is. Ik haw oenderjoen, dat nei lijen, foarblijen komt. De sinne skient nou foartoan ek helderder oer jimme hollen.
Frou Draaisma (suchlet):
Ja, fanke, it libben seit, al wat. Wij binne net ien de wrald te gast.
B eitje:
Nou mem, sa sil ik jou nou mar neame, gean wat sitlen, en bljouw wat bij uws.
132
Fr ou Draaisma {gjü uitten):
Dat wol ik wol graag dwaan. As de aide man mar meikomt. Soe er hast komme 1
B e 11 j e {sjogt ta it finster uwt) :
Ja, der komme sij al oan. Dan hat Willem ek net alhiel oan huws ta west.
F r o u D r a' a i s m a:
Dat sil 't net. Hij wist dat ik hjir hinne soe, en koe hij it alligt net uwtstean om thuws te bijouwen. Hij is mij fest efternei gongen, en dit al geandewei neijer uwtkuijere, om te wieten hoe ik ontiongen waar.
B e 11 j e;
Tochten jim, dat wij san bestean hienen, dat wij jim er uwtsmiete soenen ? {Sij laket.)
Frou Draaisma:
Né, Bettje né, dat net. Mar wij koenen jim alle beide, en ik wol jou dit wol sisse, as ik de doar wiest waer, dan stie ik er nex foar ien, as de aide man siin bannen can him seis slein hie, sa hie hij 't er mei te stellen. Sa bar foen hij it libben, bern te hawwen, sa ticht er bij te wenjen, safolle oenquot; derfiening hawn, dat it libben waer him ta in lest. (Willem en Draaisma komme iene doar, men ken oan de letste sjen, dat hij skriemt had.)
Willem;
Hjir is heit al. . â j i -t
{Dvaaiswioi stekt de hciu uwt ïiei Bettje, doch sext
neat, mar faget in trien wei.)
Bettje {kriget sien han beet) :
Hiir heit! der is mien han, alles is forjoen en forgetten, en wij sille foartoan jimme bern wer wease. Kom, hjir is in stoel, gean nest mem wat sitten, dan sille wij joed fjest fiere fan uws herieniging.
133
D r a a i s m a (Icniept Bettje iene han) :
Tank, tank! nou ken ik wer libje: alles forgetten en forjoen!
Willem:
Alles wat wij dwaan kinne, om jimme it libjen genoeglik te meitsen, sille wij as uws plicht achtsje. Want siker, uws beginsel seit, leaf te haw wen en te forjaan, wat mei uws de spot drjouwt, uwt onkunde. Wol erken ik, dat er oender uws partij folie binne, wer men fan Ijouwe mat, dat sij ien har skild (iere, eag om eag, tosk om tosk. Doch derom hawwe de minsken geliek as sii sokkon net fortrouwe, de loedsle roppers fan geliek heit binne de ealste faak net.
Bettje:
Mar lit mij er bijfoegje, dat men ek net sa gau klear wease mat mei minachting te beloanen tsjinoer har, die net uwt pleisier uws beginsel siekje te be-forderjen. Wer men fjin sludie fan meitse wol, bat men ek gjin rjucbt fan oardiel. Men sjocht dan mar al te faak de hirde kanten oan foar de innerlike waerde.
D r a a i s m a :
Ik haw fan it socialisme gjin studie makke, dat erken ik graag, omdat wij miene, dat it jim te dwaan is om uws stan en positie ien de maatskappi] omfier te smiten en allegjer geliek te weasen, dat liketuws net goed ta. Jin eigen leit altied het neist oan 't hert.
Willem:
Heit sil, bij neitinken, dit toch ek ligt begriepe, dat de héle handelsstan, winkeliers en lietse keaplju, nou noch, ien seker opsicht foar 't genot fan 't folk libje, mar dit weagt sivierder, noadeloas de waren foar 't ferbroek dwjürder meitse. Sii matte libje fan har fortsjinst, dat is safolle, dat sij dertroch dé pries fan de waren dwürder meitse. Het forskil tusken keap fan de forbouwer en forkeap oan de forbrüker hjit winst en der libbe in skare fan minsken fan, die
134
er in bestean fan meitse en neat fortbringe, dus op kosten fan in oar foartbestean. lt;â
D r a a i s m'a :
Mar wij kenne uws waaren doch net direkt kriie fan de foarbouwers uwt oare lannen.
Willem:
Troch omsetting fan de waaren, die wij te folie hawwe troch de steal, ruilje wij bi] oare folken len, wat wij brüke en net hawwe. Derta moasten inkelde betoefte saekkundigen foar oanwiest wirdde, die rjucht-streeks ien foarbiening stienen mei de foarbouwers ien oare lannen, en die die waaren troch bemiddhng der staet leverden oan ien of twa winkeliers op iedere pleats, die se oujoegen oan de forbroekers. Men koe derta oanwiese, die gebrekkig of ongelukkig wienen. Mar de kreftige rnanlju en froulju onforskilhg wer, matte arbeidsje, uwt de groen helje wat sij foartbringe ken. En die groen mat beschikbaar stelt wirdde oan elk die 't libje wol.
D r a a i s m a
Mar folie minsken vviette tan bouwen neat ou. Wie soe sich mei 't oender wies, rjuchtsaken, ambte-naerswesen en godstsj inst beleastte'?
Willem:
Wat heit it leaste neamt, hjert bij 't oenderwies tuws er hjert gjin plak foar die namme te weasen ien de opfatting fan sjenwirch. As de arbeid oppe groen, mei forbetterde wirktügen en koarter arbeids-dei in lust, in soart uwtspanning waer, en dat ken sij wirdde, dan soe skielik elk der in genot ien hene, elk hie graeg in hoeke of hoekje tün werop ei lum* sje koe, oenderwiesers sawol of die ambten bekleedsje. Sij wienen dan net lies as sij is modderige bannen hienen Wij hawwe it al fjirst te lang mei uwson-hekinde heit halden, lit uws it ien 't, forfolg mei uws quot;oedmienende, bekende mem, de natur, halde.
135
Draaisma:
fk bin te aid om der noch studie fan te meitsen en joed wolle wij foaral net mear oer prate. Ik bin sa blied jonge, dat wij wer frede slüten hawwe, en wij wolle nou oer oare dingen praatte.
F r o u Draaisma;
Lit uws strak nei huws gean en kom dan meijenoar joen wal bij uws oan huws. Ik sil it beste opsette wat ik ien mien huws haw.
B e 11 j e ;
Dan mat dat mar weaze, net Petronella'?
Petronella:
Dat kin wol, dan binne alle swirrigheden oane kant.
Willem (sjocht ta it finster uwt) :
Mar wat hearren komme der oan ?
F r o u Draaisma {en de oaren
sjogqe ek):
O God, dat is Petrus mei Bouke en Jetske.
B e 11 j e ;
Nou Petronella, nou sil it foar dij er op oan komme.
Petronella:
Dat sil wol wat meifalle, Bet!
Frou Draaisma:
Och, as dat ek noch is te rjuchte komme mogt.
Petronella;
Het is ommers te rjuchte?
(Bouke en Jetske komme op. Petrus bljouwt iene daar stean.)
Petrus (iene doar);
Allegjcne bij elkoar, hoe kin 't sa treffe.
136
J e t s k e (foarwondert):
Hawwe jim joed greate forsoendag halden ? ,
B o u k e ;
Dat liket wol sa.
Petrus ;
Mei ik ien komme ?
Willem;
As jou folbrogt hawwe, wat ik oer fjiouwer jier sein haw, dan bin jou wolkom, mar wij wolle uws gelokdei net troch in ongeluksfügel bedoarn hawwe.
P e t r u s {komt ien) :
Dat haw ik, oars hie 'k hjir net komt.
Willem {stekt him de han ta);
Wel nou, wês dan wolkom, broer. (Sij filskje):
Petrus füsket hertlik mei sien heit en mem en seit tsjin Beitje):
It sil jou wol net forgetten weaze, wat er tusken uws foaiiallen is, dcch der Willem mij wer ien freunskip de ban tastekt, hoapje ik ek bijjouopfor-jiffenis.
Bett j e;
Forgetten net! Mar wij kinne foi jaan, as wij sjogge dat de persoan it wirch is. Ien dat fortrouwen sil ik jou ban oannimme. (Sij füskje). â¢
Petrus {tsjin Petronella);
En mei ik ek jou de ban tastekke?
Petronella {nimt sien han oan):
Wel zeker. Wat er toartallen is, dat is foarbij. Petrus, ik bin nou gelokkig, wat wol ik dan mear.
Petrus:
Gelokkig! dat wirdt fait mij kalt oppe lea, uwt jou müle.
137
Petronella:
Dat hoewt net. Of tochten jou, dat wij de tied net brüke sa 't sij foar uws leit ? De ban, die tus-ken uws bestean had, is forbritsen. Dat 'aaklige wirdt »it sil wol wat neijenoar ta wenne®, roest mij net iene earen. Wat net bijenear past, mat skaad wirdde. Jou hawwe ienkear de keus hawn, om jou geluk te siekjen, en 't eag foei op mij, eigentlik op mien rieksdaelders. Ik fortrouwde jou as man fan ear, dat jou mij beminden, en ik hie jou leaf, net om, jou jild. Doch it bliekte mij gau, dat jou earloos wienen. Doe ik eindlik in ein oan mien lijen meitse koe, haw ik dat dien, en dermei hawwe wij ek oudien Petrus !
Petrus:
Dus, dan wiet ik dermei, werop ik steat haw te meitsen en is alle hoap forlern.
Petronella:
Jou seinen nie?, dat jou better wirdden binne, mar der hapert noch wat oan, oars hienen jou net wer om mij tocht, dat moast net wer ien jou opkomt hawwe. En derom noch is, fan herte betterskip!
Petrus:
Mien jou, dat men derien ek net foroarje kin, bij better iensicht!
Petronella:
Wat net kin, wiet ik net sa liek, alteast mien 'foartrouwen 'skink ik jou ien dat opsicht noait wer. Wij hawwe foargoed ourekkene. Sjoch ik nou is in flinke kearel mei in karakter, dat mij befalt, wollicht freegje ik die dan wol is, as hij mei mij it libben laas wol. Ieder sien beurt is net te faak. Mar dan wol ik earlik bi jouwe. Petrus, earlik en dermei uwt.
B e 11 j e :
Lit uws nou dat petear oubrekke. Petrus wiet nou wol dat Petronella har libben net wer oan dat
138
fan sienes forbiene wol. lenkear wie har faak genoch, Draaisma (tsjin Willem):
Ik mat toch sisse, hoe mear ik mei jimme tins-beelden bekent wirdt, dat bi] in earlike tapassing, folie forkeardens uwt de samenlibbing forbanne waer.
Frou Draaisma;
Ik jou Petronella derien geliek, wat net bijenoar past, moat ek net bijenoar libje. De rieksdaelders keplje in bulte herten tot ien, sa 't hjü, mar wij hawwe it bij oenderfiening, dat het in onuwtspreklik lijen te weag bringe ken iene huwshalding. Willem hat mij wol is sein, dat net allinne it lijen dat wij sjogge, mar dat dertroch ek de kiem bij de bern lein wirdt, die sich foartplantet fan geslacht tot geslacht, as de alden net meijenoar oer de wei kenne, en mei onienigheit har libben slite, en ik Ijouw 't ek wol.
Petrus;
't Is forlern! 'k Haw disse fjouwer jier net iene wrald te gast west, Ijouw dat mar. It hirde jok fan tsjinstbaerheit drukt mij swier genoch oppe skouders. 't Is net oars, 't Sil mien fortsjinne lean wol wease, en mat nou fjirder allinne oppe wrald stean. Wei nou, dat sil him ek wol redde.
B e 11 j e (tsjin Petrus) :
It boontje komt om 't loontje, Petrus! Doch ien treast, jou hawwe gezelskap, sjoch mar is om jou hinne. Hoe folie bedoarne hearesoantsjes tarden op heite goed forsjoene brankas, en wat lietser har for-stan wirdt troch har dierlik libben, wat greater han-sen sij forbeeldsje te weasen, doch eindlik lisse sij foar aid fuil iene goatte. Dan wirdde sij troch har alders opraept en Ommerschans en Oost-Indie herbergt mannich adelijk skoelje. Ik sil elk taroppe, fierd toch jimme berntsjes op, dat er karakter ienkomt, lear ze zwart zwart en wiet wiet neamen, onfor-skillig wie it fréget. Sjoch namvlottcnd la op har
439
natür en wês onforbiddelik, om it kweade, dat er skület, te bestrieden, en gean foaral mei in goed foarbield fuar, want it bern wol sa graag fan greaten ousjen. Lear har, dat it geluk net te forkrijen is mei goud en adelieke titels, mar mei forstan en earlikbeit fan karakter. De earme bodder, de foart-bringer stjit as minske ien de samenlibbing heecher as de skatrieke coupontsjeknipper.
Willem:
Het minskdom bat troch it loarbield fan bert-loase, falske, earloase bebearders, foar in great diel har karakteradel forlern, en sil de earste fraeg wease, om sien efenminske in tsjinst te bewiesen, wat ken ik er oan forsjinje. Men treget net mear, wat gebiedt mien plicht as minske mij om geluk oan te bringen, nea? Wat is wurch dat ik mien ban uwt-stek. En noch altied kankert dat kwea fort ien uws samenlibbing, ja, forergert bast mei de dei. Foar hoe lang nog'? As wij de algemiene stroamingen ien de hiele wrald neigeane, in iepen eag hawwe foar it skrjuwende onrjucht dat iedere dei op uws wei sich plaetst, as wij die flietige, arbeidsjende, foartbringende stumpers har erbarmelik libben foart-slépen sjogge, mei de griens op it oanlit, dat sisse wol; wij fordrage it, sa lang as 't mat, dan walget it him, die in minskehert, dat fielt, ien sich omdraagt.
As wij, oeral troch de zucht nei winstbejag, het great bezit har klaauwen sjogge ienslean en onver-biddelik omlier smiet wat sich forset, of har iene wei stjit, om oan har hartstocht: skrape, foldwaen te kinnen. As wij de zuchten hjerre, die uwt miljoenen herten, dagelieks opstiege, mei it forlangen om in minswaerdig bestean te forkrijen foar har wiif en berntjes, al die trjinnen die ien memme eagen blinke, oer de takomst fan har bern, beantwirdsjen sjogge mei in forachtlik skouderopheljen, jimme matte tied dwaen, die greatte hansen hawwe gjin haest. It lijen deart har net.
Mar gau komt de tied fan forlossing, dat de miljoenen ontefredenen sich om de plante frijheitsbeam
140
skare en mei de earnstigo wil beziele, mei oprolle fusten steane en uwtroppe : \\ ij wolle uws net mear forskoppe Utle, de vrijheit ioar uws allen, begeaije wij. Wij wolle libje, wij wolle geniete wat wij foart-bringe, foart mei dat knaagjend ongedierte dat uws lang, fjirst te lang de loet oppe nekke bawn bat. Sjoch, 'heit en mem, dan ontwaket die echte geast nei 1 rij heit, die net treget nei goud ot sulvej, mai sich koesterend delileit, oan de boarst tan uws aller mem; de natuur. Dan kenne wij lleuiig, iens fan sin, neist en mei elkoar libje, dan wolle wij arbeid-sie en kenne wij geniete, dan libbet de ien de oar riet mear iene wei, dan dogge wij uws pligt en war-dearje uws rjuchten. Dan jüset oer hiel de aeidbol de amme fan wolfaert, geluk en vrede.
lï GORDIN l'ALT.
1 \VT
! ' - - : . r - y I
' - .. . ^ quot;w-.
'â .yy-^'r' : 'y y ,. . â .:';:-:r
. . . â - â â V^ .av.-. ' ^ . â - â â
. ' - . :.v . . . ^ ' â . -â -i ' ; /'.- , .v
:.- ⢠.*â . v.,: ^ â â . - .. â â â â
; - V» ^,quot; . - â ' â -
^ ::.J ' ~ ' quot; . -
â¢â ' â V- v, â ;â . â
SS® llfSsss® : ,
w â - - â -