i(y c -c. Lo
Prijs 23 cent.
HELJE OP
FRYSKE SELSKIPS-SANGEN
OP BEK1NDE WiZEN
H. VAN WARWEES.
to arum.
MEI IN WIRDKE FEN PIETER JELLES,
âgt;â¢-lt;[ OAEDE PEIITTMGE. ââ¢
!V
Snits,
.1. W. MULLER, , Firma H. Piittersen Tzn. ,
yL V
33--SÃ
Nadruk en vervorming streng verboden.
Auteursrecht bij de wet verzekerd.
â
FEN
H. VAN WARNERS.
to ARUM.
MEI IN WIRDKE FEN PIETER JELLES.
2e printinge.
SNIT8,
J. \\'. MULLER,
Firmn H. Pijttersen Tzn.
'A
»HELJE OP!'' Friezen, helje se frij en helder op , disse soune sangen , dy 't jimme sa flot ut it boarst kotnme meije, as se de makker ut it hert en de pinne walle binne. It binne sangen , dèr min fleuriger en better fen wirdt en ik winskje der lis lansljue lok mei, det dit boekje ütkomd is. It moat nei alle feesten en gearsetten meinomd wirde : it scil de wille forheegje; yn gjin Frysk hüsgesin mei it mist wirde: it scil it soune Fryske sin wekker bSlde.
PIETER JELLES.
Skrilns by Ljouwert, Oct. 1888.
âMei ien lietke , dat elts-ind-ien noaskje scil, is 't nau fo
hitten.
Joost Haltaertsma.
No. 1.
Fry ske Ml os ka em.
Wize; Klink lüiod en fier yn 't roun.
of: 0 , dierbaar plekje grond.
of: Djüwr ynleaf heiteldn.
of; Heil dir im Sieger kram ,
of: God save the King.
Ja , op üs Fryske groun Is my it libben jown!
Dat bliuwt myn sang ,â Hwer mem fen »Poppequot; song,â Of fen 'e groppe song,â Of »Fryslan boppequot; song,â Myn libben lang.
'k Hab op üs Fryske groun Sabwet fen alles foun ,
Faek dei oan dei:
Ik bab er grappen hawn , Ik hab er klappen bawn , En bwet to happen bawn : 'k Hie alles mei.
Ho beech ik Fryslan set, 'k Ha dêrom , Friezen! net To kennen jown ,
Ã
Dat alles better is ,
Dat alles fetter is ,
En nei de letter is Hjir op üs groun.
In Fries hjit eabel, flink , Mar siz ik , ho 't ik tink:
Myn miening is : Wy habb' üs lekken ek , Wy liabb' üs brekken ek, Us losse stekken ek ,
Oars bin ik mis.
In Fries , sa seit er, drinwt En stikelt net, mar bliuwt
Frij, froed en from. Hy rept en snettert net, Foiskopt, forkettert net, Hy bliest en skettert net Oerdwealsk en dom.
Hy seit, in Fries sa from Skopt net yens breakoer om ,
Soks wirdt net dien. Né ! oerginst fielt er net, Mei ligen pielt er net, Syn müle spielt er net Oer elk en ien.
Hy bücbt, sa seit er, nea , Mar stiet, al jout it skea ,
7
Rjucht as in peal. De Friezen draeije net, De Friezen flaeije net; De Friezen aeije net It gouden keal.
In Fries hjit roun, rjuclit-iit, Krekt as de bargesnüt,
Sa rjucht en sljucht. Is 't wier of gjit it sa ? Dat rjuclite, stiet it sa , Dat slj uchte, giet it sa Dat min it sjocht ?
Min seit, en 't docht üs nij , Wy ha fen from , froed , fry
De müle fol.
Mar dom en koppich wier , Mar hwet heechkroppich wier Hwet krom en roppich wier In Fries ek wol.
»Hy hat mei syn gerop , Oer »frijquot; de hletter op ,
Mar sprekt min tsjin , Dan kin er pitich sjen, Sa hoannich , spitich sjen , Hy kin grimmitich sjen , Dan wirdt er min.quot;
8
Min hiit üs styrask en steech ; Wy neam' üs stoer en dreech,â
Hwa wit it bést ?
'k Siz, Friezen , dit 'er yn ,
Bliuw folk mei pit 'er yn ,
Hwent oars , dit sit 'er yn ,
Oars rint it fest.
Us Fryslan leit us nei.
Us hert scil dei oan dei
For Fryslan slaen.
Dit Kin moat Friezen ha,
Dy neat fen skriezen ha ,
Dy neat to bliezen ha ,
Mar sizz' en dwaen.
No. 2.
Us Wry she fuel scil hi in ice.
Wize : Pake Klok. (Nij Frysk Lieteboek.)
Us tael scil net stjerre , üs tael wirdt wol brükt,
Salang as de sinne yet skynt,
Ja, salang as in mem mei hjar Ijeafde üs lukt ,
Us Ijeafde for Fryslan net kwynl.â
Sjongt in Fries fen syn heide mei blomkes en san,
Fen de weagen fen mar of fen sé,
Fen it nót op de bon of 't grien op syn lan, Fen syn beammen , syn fügels , syn fe ,â
9
Sa'n Fries, yn 'e wolken, sa tyg op 'e trie Dy sjongt Fryske sankjes, dy 't mem ek al hie Wol er sjonge , hy sjongt, sa 't mem it ek die. Feu de widze nei 't grêf bliuwt er Fries.
No. 3.
Tink er om.
Wize: Die in Januari geboren is.
Bist lokkich , sjong in loftich liet,
Helj' op.
Mar blies dy , as dyn hj erring briet, Net op.
Hwa wit, moarn is dyn onk oan bar F/n best dyn lok in boartsje mar.
Pas op , pas op, pas op! (bis.)
Is immen soun, dan sprekt erfaek Rom op.
Is immen sterk, dan is 't omraek: Dek op.
Jamk wit er fen gjin swierricbbeid, Mar ringen komt de dea en seit: »'t Is op, 't is op, 't is op.quot; (bis.)
Hest oars gjin libbenswyt as plicht?
Siz op !
Of biste by de gatten ticht ?
Praet op 1
10
Hwet greate setten lieste dien V Kom , neam dyn stikken ien for ien ; Tel op , tel op, tel op. (bis.)
Tinkst' fen dy seis: »hwet 'k doch en lit
Giet op ?quot;
»'k Bin op myn plak, myn holle stiet
Rjucht op ?quot;
Fynst' immen troch en troch gemien? Hest seis gjin spyn?âNim d'earste stien; Smyt op, smyt op, siuyt op. (bis.)
Sjochst wakker stroef en noartsk en goar? Pak op!
Rinst' trinten mei in bulte smoar ?
Kras op!
üou hearst net by üs mei sa'n steat. Sa'n greatske poarsk der het min neat Mei op , mei op, mei op. (bis.)
Is immen amper d' azem kwyt,
Skou op !
Of as er Ijeaver efter rydt,
Liz op ,
En tink ; »hy het sok stypjen hrek , Al doch ik fen syn büsjild ek
Neat op, neat op, neat op.quot; (bis.)
Wêz kloek en deun en tink: »it kin Wol op.quot;
11
Hwent is min rij , dan brekt it yen Sür op.
En is min 't kwyt, dan is 't to let;
As 't lij en wirdt , dan is it net:
Skep op , skep op, skep op. (bis.)
Is 't wirk liwet swier, joust' dan de moed Mar op ?
En weacht it licht, is 't dan for goed: Snij op?
»Ik scil 't besiikje.quot; tink dat earst;
»Ik kin 't wol hise wirdt it raeast. Til op , til op , til op. (bis.)
Wêz net to toarstich en ek gjin Slokop.
En yt fortsjinne brea , as 't kin ,
Swiet op.
Mar bi'ükste nea de soune lea ,
Jaen dan it plüsjen fen it brea Ek op , ek op , ek op. (bis.)
As 't lok ris foar dyn drompel stiet:
Doch op.
It mijt in lichte doar , dat giet Grif op.
Bliuw jimmer warber , hald mar fol :
It lok wirdt dines , 't sit er wol
Tsjuk op , tsjük op , tsjük op. (bis.)
12
Mar seit dat lok; sik Ijeanje rom , Sit op!
Neam 't kromme rjuclit, it rjuchte krom,
Sprek op !quot;
It mei dan bonglje oan in strop ; To, jaen 't de biezem op 'e kop ,
Brui op , brui op , brui op. (bis.)
Wol twang regearje , siikje riucht:
Staan op !
Mar büch net mei in djippe bocht,
Hald op !
En gean er iens en mei forstan , Net each om each , mar han oan han Tsjin op, tsjin op, tsjin op. (bis.)
No. 4.
Vanvol lis boartersplah.
Wize ; Die wacht am Rhein.
Er komt in tiid for elk en ien ,
Dan is it mei it boartsjen dien;
Al mei min yet graech boartsjen sjen , 't Is ut, min past net by de bern. Dan driuwt it lot yen hinn' en wer En d' iene hjir en d' oare dêr.
Dan jout de wraldske soarch de bannen fol En seit min 't Ijeave boartersplak farwol.
13
As 't letter om 'e knikkerts giet,
Of as min yet syn draek oplit,
Of as min yn 'e leije rint,
Of as min 't yn it hinkjen wint,
Of as min oer de hikke springt,
Om an gij en of om keatsen tinkt;
Al haldt min noch sa mei sok skreppen fol,
Doch seit min 't boartsjen dan foar goed farwol.
As min for 't lést it plakje sjocht,
Hwer min as berntsje boartsje mocht
En hwer min nea yens foet wer set,
Tinkt min yn 't hert: gt;'k forjit it net,
Nê! 'k winskje 't plakje 't beste ta,
Hwer ik sa folie boarte ha quot;
Hwet fait it swier, faek wirdt it moed yen fol,
As min sa tinke moat: »farwol, farwol!quot;
Ja, 't boartersplak , it bliuwt yen djür,
Al steamt min 't wide wetter oer ,
Al stout min nei it Kaeplan ta,
Nei d' East of nei Amerika.
Hwer lok of onk yen hinne driuwt,
't Is grif, dat dit it selde bliuwt;
Hwet ek foroarje mei, dit haldt min fol:
't Bliuwt yn 'e freamdte yet: »farwol, farwol!'
14
No. 5.
ÃÃMiïs en Iliem.
Wize : Wat vraag ik toch naar geld en goed.
It sintsje jiefc syn léste Ijocht
De gviene greiden oer,
En lit in hiem , in hüs üs sjen
Dêr tichte by dy toer ,
En het dat hüs, sa smuk en smout,
Porgulde mei it ealste goud.
Dan dükt it sintsj' yn 't westen wei,
It bliere sintsje sinkt.
Hark ! ho ta dank for 't Ijeave Ijocht,
Oer 't gea it klokje klinkt.
't Ropt üt dy toer: »to , kom nou, kom
Wer yn dyn went, de dei is om.quot;
Dat jildt in froede , frije Fries ,
Fol fleur en mannemoed.
Hy het yn 't hüs syn will' en winsk
In wyfke , gol en goed,
Derby in boi , sa'n boartlik bern,
Dy him mei langst tomjitte sjen.
Al het de man mei wiif en bern It net sa bjuster breed ;
Al wie syn libbenslok wol wif En 't ouk wol wyld en wreed.
Hy foun for holl' en han en hert Ek krêft nei krils , yn wea en smert.
15
Hy wol om 't wirk de went wol üt, Is nea for 't bodsjen bang ,
Mar foun , as liy sa warber wie , Op 't Ijild de dei faek lang,
En jamk , as jouns it klokje klinkt, Dat hy om hiis en hiem dan tinkt.
Hy het wer langst nei 't hiem, nei 't hüs,
Dat sa yn 't sintsje blonk.
Hy jout de blanke lodde lins
En giet nei hüs en honk ,
En 't klokje bombamt, kom mar , kom !
Hwent thüs, dêr is 't sa ryk en rom.
Dêr by dat hüs der op dat hiem Hwet rükt dêr 't roaske swiet.
Hark, yn dat hüs der sjongt mei moed In mem in loftich liet,
Troch dat hjar hert dêr frede^fielt En yet yn 't hert hjar sintsje strielt.
By hjar yn 't hüs der jout de joun
Sa faek sa'n fleurich sin:
Hy sjongt: »myn wyfke wit dat ik
Hjar blide bodder bin :
Mei 'k yn myn hüs mya wiif, myn bern
Mei my mar lokkich libjen sjen.quot;
â »Myn Fryslan , mei myn hüs, myn hiem, Dou bist en bliuwst' my nei.
To sjong, sa lang de wyn yet waeit.
16
Dat, Friezen , fleuricli mei.
En jaen üs groun, o greate God,
Us hüs , üs hiem in lokkich lot.quot;
Yn Fryslan foun ik widz' en went
En wille by de roes.
0 jaen m' yn Fryslans groun in grêf
Net fier fen hieni en hüs.
Myn Fryslan! bliuw myn hiem, myn honk,
Yn will' en wea, yn lok en onk.
No. 6.
Jt Wamke.
Wize : Do 't pake yet feint wie en heppe yet faem.
In moetel jongfamke, sa kein en sa kreas , Dat sit neist in krüdich jongfeint op 'e sjeas. It bern het hjar tier ,
Hja het sa'n plezier,
Hja is op it snjit hwent hja laket sa blier.
Hjar mem is boerinne en fiks by der han, Sa keken en kras , ja sa skjin as de bran , En elk dy 't hjar ken ,
Dy seit fen hjar bern :
»Iljar mem het hjar oanset, dat is wol to sjen.quot;
n
Hjar heit is in boer, dy 't ek wit hwet er wol, Net greatsk, mar sa krigel en dimmen en gol. Sa plat as in boer,
Nea wyld en oerstjür ,
Hwent wyn yn 'e swiipe, der kin er net oer.
Hjar alders dy stekke de holle net heecli , Hja bliuwe ienfaldich en warber en dreech. Hja dogge wol mei,
Mar smite neat wei En aepje en krukke de moade net nei.
It bern is for wirkfolk en boaden gjin krus En is op it hiem en by mem tige tliüs;
Heit past op 'e kij ,
En is er seis bij ,
Hja past op 'e tsjerne en mem op 'e brij.
Hjar mem het fen 't fanke in bulte geriif, En heit tinkt: »hja het in pear hannen oan't liif, Mar brükt hja de lea ,
Dat docht hjar gjin kwea.quot;
Hja sit net to pronk mar fortsjinnet hjar brea.
It famke det het yn 'e stêd net forkeard, Min het hjar gjin jiffersmenearen der leard , Mar doch, sa 't ik sei,
Hja kin er hwet mei ;
Det is, tinkt it feintsje, yn 't boerkjen net wei.
2.
18
Dat krasse jongfamke, sa kein en sa kreas, Dat sit neist in krudich jÃngfeint op 'e sjeas. It bern het hjar tier ,
Hja het sa'n plezier.
Hja is op it snit, hwent hja laket sa blier.
Né, 't snipper jongfamke, dat sjocht nou net prot, En 't brüntsje dat prilst ris en fottelt mar foart. Dat het it wol tocht,
De faera is forkocht.
De krüdige fryer het foun, hwet er socht.
No. 7.
Wrijheid.
Wize : 117; leven vrij, wij leven blij.
» Wy libje frij en iens fen sin ,quot;
Sa klinkt it lüd en fier.
Helj' op mar, 'k hab er neat op tsjin. As min 't yn wierheid sjonge kin,
Hwent sjoch, dat liket net sa min. Mar sis my: »is 't wol wier ?quot; {bis).
»Gjiu lok wirdt hjir troch twang bedoarn,
Wy dogge lyk en riucht.
Rj u binn' er for de frij he id stoarn , Us fijan hied er niget oan.quot;
Sok sjongen fyn ik tige skoan ,
As min ek frijheid sjocht. (bis).
19
Eja binne, komme s' op in baen ,
Yn alle silen mak.
Hjar »frijheidquot; kin luvet krimp' en dwaen, Hja witt' üt »frijheidquot; mint to slaen.
Ik wol dy ljue dit plomke jaen : Ik neam dy »frijheidquot; lak. (bis).
Jamk is de »frijheidquot; neat as skyn ,
Min sjit mar hwet mei spek.
Sims makket ek de »frijheidquot; biyn , Dan keilt min frij de glêzen yn ,
Ho 't ik sa'n nüwre »frijheidquot; fyn ? Ik neam sa'n xfrijheid gek. (bis.)
De fvije, dy 't syn plichten wit
En docht, syn libben lang ,
Dy 't him net twing' en traepje lit En seis net mei dy jelne mjit,
Dy need fen wiere frijheid stiet, Dy libbet yn üs sang. (Ins.)
No. 8.
Troch lendracht Sterk.
Wize : It is fen Adam komt.
»Hwet scoe dat bytsje wetter kinne.quot; Sa tink ik , as ik dripkes sjoch ,
En dóch, as drippen machtich binne, Dan brekke dyk en dammen troch.
20
ïgt; Flwer scoe in kerltsje san for weitsje,quot; Sa wirdt er faek en folie leard :
Sjochl hwer dy kerltsjes dunen meitsje, Dér wirdt in sé fen wetter keard. Nou , as ik sa bigjin ,
My tinkt, dan blykt it yen ,
Hwet dat lytse troela de iendraclit kin. 'k Leau , dat min 't fierder brocht, As elk om 't lytse tocht En de rjuchte iendraclit soclit.
Is alles yn 'e groun forklomine,
Dan fall' er lytse flokjes snie.
Ho scoe 't mei bou en greide komme , As 't net sa'n waerme tekken hie ? Nou leit er yn 'e maitiid ringen In kleed fen blommen oer it fjild: Sa dogge faek de lytse dingen In wirk, hwer 't ien sa swier oer tilt. Sa moat elk sines dwaen ,
Dan scil it wol bislaen ,
Ja, dan scil us 't libben blommen jaen. Dit is in lexum wis :
't Rint mei dy blommen mis ,
As de wrald forklomme is.
Mar ek , in bulte swarte stipkes Dy dogg' in blanke spegel skea, En tusen lytse spjeldepripkes Dy binn' net nofhk oan 'e lea ,
21
En praetsjes fen in houdert lipkes Dy makken wol ris minsken dea , Sa dogge in raanuich lytse dripkes Troch iendraclit sims in bulte kwea, En derotn siz ik sa ,
It liket my nou ta:
Nimmen moat gedoch mei rabbers ha. Lit ek dy styklers gean ,
't Is hjar fortsjinne lean ,
Lit se stil allinne stean.
Scil 't oan 'e goede latte naeije ,
Scil 't lytse sterke toeren dwaen , Dan moat hjir nimmen kening kraeije, Om sa for master op to slaen.
Ek moat min 't splintersiikjen litte, Eu net de müle wille jaen.
As w' eigen lek en brek forjitte ,
Kin 't mei us iendracht net bislaen. Ek liwer min iwich driuwt En jimmer rost en wriuwt Sjoch, dêr spant it dat min maten bliuwt. 'k Leau dat min 't fierder brocbt As min der hwet om tocht En hwet mear om d' iendracht socht.
22
No. 9.
li'ier en Ba lear.
Wize. De winter komt zijn afscheid hrengen.
Hwet goed is, moat net heislik hjitte Feu ien , dy 'fc min net lije mei. Dy wier is , brükt in wiere mjitte , Hy weacht net falsk of twaderlei; Hy neamt, dat is syn ear' en rom , It riuelite riucht, it kromme krom, Hwent der wynt hy gjin doekjes om.
Hwet min is, moat net trêftich hjitte Fen ien , dy 't min wol lije mei. Dy wier is, lit syn miening witte, Al komt er ek in frjeun hwet nei. Syn wirden bliuwe klear en roun Dér het er nea gjin bien yn foun. Hy haldfc net fen sa'n skimerjoun.
Al mei it just net noflik hjitte , Dat immen mei de roskaem pielt, Dy wier is , scil him sizze litte ,
As hy mar klear de wierheid fielt , Mar immen , dy 't it krop dan tynt, Of dj7- t er graech om hinne wynt, Dy feelt net dat de sinne skynt.
23
No. 10.
Kweade lm ij en.
Wize: Co lijn.
Al is it buten kald en skier,
Al stiet de kachel yet to brommen , Al strielt it sintsje net sa blier ,
't Kin fleurje sonder grien en blommen. Al bloeije blommen dei oan dei, Al sprüt it grien , al skynt de sinne, Gjin foarjier driuwt üs winter wei, As wy yn 't hert forklomme binne. (bis.)
Hwet jout it üs , al sprüt it grien, As wy oars neat as kleije kinne ,
As wy sa bird en kald as stien , Of noartsk of heal forwile binne ?
Hwent stiet it prükje sa forkeard,
En kin min 't nea en neanie hirde , Dan scil, as 't op it slimst beteart, Mei 't grien de prük ek greater wirde. (bis.)
De blide protters tsjott'rje wol ,
Al moat min ek om 't sintsje siikje, Mar mosken balde 't tsjettr'jen f'ol,
Al is 't ek waer foar 't einepykje, En 't giet üs minsken as dat fé:
Hwent d' iene kin wol hwet forneare, Mar d' care , gau mei tsieren ré ,
Kin fen de lytse protters leare. (bis.)
24
De bliere Inpet bliid yn 't roun ,
Ek as er kalde flokken waeije;
De griner digert nei de groun,
Dy wol er net in eacli nei draeije , Hy sjocht mar wearzich , sur en goar, Is bang for kjeld en wyn en wetter.â To ! set it béste skonkje foar ,
Dat is yn alles folie better. (bis.)
Min moat gjin noardske riten ga , Min kin in bulte lést fordriuwe.
Docht elk der hjir sa sines ta ,
Dan scil it libben blotnmich bliuwe. Min moat it swiet fen 't libben net Troch kweade buijen glêd bedjerre, Hvvent liwer min nocht oan onnocht het, Dêr scille lok en frjeunskip stjerre. (bis.)
No. 11.
B! sjonyen docht elh t/oed.
\V ize: Heb je wel gehoord van de Zilvervloot^
»'t Sjongen is myn wirkquot;
Ropt yn 't foarjier de ljurk Sa heech boppe bou en greide ; Dêr floddert er blier En min heart tige fier In lof â en in tankliet beide.
25
As 't wyfke briet,
Dan sjongt it raantsj' in liet,
In liet fen hoop en moed,
In liet fen hoop en moed, Dat docht syn hertiap, syn gaeike goed.
By de nane sit Mem , sa tieg' op it snjit, En sjongt: »ljeave moet'le poppe , Kom, slomje nou swiet,quot;
En dan klinkt wer hjar liet: »It kealtsje leit yn 'e groppe.quot; As mem sa seit Hwa 't yn 'e groppe leit,
Dan docht sa'n memmenoed, Dan docht sa'n memmenoed ,
Hjar skat, hjar hertlap, hjar boikegoed.
Nearne op 'e wrakl Lit de sang immen kald ,
It sjongen jout rest en wille; 't Is balsem for 't hert ,
't Is in treast yn 'e smert Salang as wy sjonge scille.
Komoan dan , jei As 't kin jimm' unrêst wei ,
Dan het üs sjongen hjoed , Dan het üs sjongen hjoed ,
't Kin net mislearje, syn draeike goed.
26
No. 12.
Vrieaten. nea Mfriexe.
Wize : Ploaits de blommen dy der hloamp;ije.
(Frysk Lieteboek : No. 57.) of: Sire! d' oude grijze Kolder. of: fjQtt er halt e Franz, den Kaiser.
As de wite flokken stouwe ,
As min nearne griente sjocht ;
As wy by de kachel skouwe,
biz, hwet jout dan will' en nocht ? As we dan mar fleurich. binne Wirdt de hjerring ek wol bret.
Ljue i dy kleije , krite, stinne, ( /i ⢠\ Ha de rjuchte wille net. 1 1S^
Kliem en skriem net, dat min trillet;
Lypje , pypje net sa bang.
Rep dy, skrep dy , dat it liliet,
Helj' ek op in Fryske sang.
Lit it Fryske sin net dodsie,
Sjocli net sa biferzen roun ,
Lit mar frij de lewer skodsje, { ,, .
Friezen , libje lang en soun. j
Binn' de blêdden fen 'e taken En de blommen fen it fjild,
Wit dan ek sa'n tiid to brüken , Fij , dat min der swier oer tilt.
27
Louw- en Sellemoanne binne Sokke minne tidon net , As we mar ris sjonge kinne, As min mar rju teltsjes liet.
Mem en heit. en bepp' en pake Dy hab y n hjar tiden wol Songen , spile , boarte , lake ;
Wy mei 't ek , dat hald ik fol.
Lit ds 't swiet fen 't libben smeitsje, 'k Leau grif, dat it nimmen let.
Ljue, dy 't net graecb wille meitsje | , Passé bjir yn 't rountsje net. j
No. 13.
Sjoelt, ho alles lilt hel!
Wize : Triomf! de vreugde stijg' ten top. (Haringlied van Spandaw.)
Graech fielt min dat de sinne skynt, Graecb rint min bwer min blommen fynt, Elk neamt it foarjier fêst de moaiste tiid ten't jiei 't Jout kleur en fleur oan elk en ien ; Dan wirde wer de beammen grien , Dan laket alles blier. (bis.)
Ik ba neat op mei iis en snie ;
'k W oe , dat it altiid foarjier wie;
(bis.)
28
Dan komt er libben as elk liwet to pielen hat, As min wer skipkes silen sjoclit,
As wer de boer syn lanwirk docht ,
As elk wer skreppe moat. (bis.)
Dan wirdt hast nearne swier oer tild ; Dan günzet wer de bij oer 't fjild ,
Mei stiie en fearkes het de mosk in bult getoai, It eintsje slacht yn 't wetter om,
It douke koert: »hwet is 't nou rom ,
Hvret is de wrald nou moai!quot; (bis.)
As 't Ijipke oer 'e wjuk wer draeit En d' eibert oer 'e finne saeit,
Dan heart en sjocht min sa, dat elk it libben lest. De protter , dy-'t op 't ülboerd wipt, De kikkert, dy-'t yn 't wetter hipt, Elk docht dan goed syn best. (bis.)
Sjocli! fink, sweal, skries, slob, exter, ljurk, Elk het wer pielen , elk het wirk.
Al hwet mar warber is , dat is wer üt 'e noed. It hoantsje , dat om 't hintsje draeit En proastich tsjin syn bürman kraeit. Ja, alles het wer moed. (bis.)
Sjoch ! ho op 't fjild it jonggüd djoeit, Ho Ijeaf dat proeze blomke bloeit,
It kipet yn it roun, it laket blier en gol As 't famke , dat fen kreazens blinkt, Dat oan de blide brilloft tinkt Eu hast wol boaskje wol. (bis.)
29
Socli , sjoch , ho fier dy jonge Ijept, Ho danich ek sok lytsgüd skrept,
Al hwet yet jong en soun is libbet dei oan dei As 't lamke , dat oan d' ürkes lukt , Dat gau in dripke tate brükt En dan wer boartsje mei. (bis.)
Hwet bringt sa'n tiid in wille mei;
Hwet driuw' er dan in soargen wei; Sa'n foarjier jout wer moed oan hwet to kwinen siet. Ja, as wy 't Ijeave foarjier lia,
Dan mist it net, dan fielt min 't sa Dan is it libben swiet. (bis,)
No. 14.
\(jlt;i nei 't sin.
Wize : Wien Neerlandsch bloed.
It libben is for mannicliien
In near en lêstich stik ,
It is sa earm for nommer ien ,
Sa kald for 't dierber ik.
Jamk smeult min, guit min moard en bran;
Der wirdt mar tsierd en beard; Min wraxelt mei in dom forstan;
Min het gjin tankjen leard.
As immen iggewearje wol,
Is alles like min ;
30
Fen harrewarjen sit er fol En neat is him nei 't sin.
A1 noasket yen in sankje bést, It bliuwt mei him gegryn ;
Hy het fen 't sjongen neat as lést, Hy fynt er bonken yn.
As hy mar krekt de sinne fielt, Dan barnt de sinne sa ;
As 't dript, dan reint it dat it spielt; As 't rypt, dan knypt it ta.
Hy fynt it swirk utwrydske blau En sa ünbidich heech;
De wrald dy is sa rüch en rau En leit sa heislik leech.
Hy het gjin tier, hy fynt gjin treast , 't Is wrammels nearne plus ;
Hy het it slim , hy lijt it meast; Hy het in danich krüs.
Hy lekskoait mei in noartich krun: »Hwet scoe sa'n libbenjaen.quot;
Hy docht gjin kwea, mar mei gehiin Is 't elk om him to dwaen.
Oeribel gek , bolbjirken grau, Oerdwealske wyld en rij,
Unfoege Strang , ünwitend rau , To sutrich of to nij ,
To lang, to koart, to stiif, to los, To breed , to smel, to kald.
31
To ier , to Iet, mar nea fen pas , Sa gammel is dyn wrald.
Dyn wrald is krom en bryk en rain Ja, yn 'e groun bidoarn.
Ho deale krijst' it hjir nei 't sin , Der is gjiu rieden oan.
Kom , my dy for üs nüvre boel , My tinkt, dat is dyn plicht,
Geau sitten yn in pakestoel En knyp dyn eagen ticbt.
Mar né ! weits op en skamje dy. Hwet moat sa'n styklicli sin?
Dat raest en rest op aid en nij Sa lebbich , sraeulsk en min.
Och goede , wêz sa brimstich net, Sjoch net sa nidich roun ;
Priuw 't libben mei. 't is gau to It wirdt mar ienris jown.
No. 15.
Ittitersanif.
Wize : Wien Neerlandsch bloed.
Boerinne , Fryske büterblom ,
Hwet het jou man it fry.
32
Jy skreppe mei de büter om, Hy sjocht 'ris nei de kij.
Jy lialde 't each op aed en kom En tink' om aid en nij ,
Ja, yn ien sike , Fryslan's rom, Om büter , bern en brij.
Mar siz' ris wyfke , slacht jou man Altiid in swiden swe ?
Siz, komt er altiid boppe Jan Mei büter ,' tsiis en fé ?
Leit, as er skrept mei 't beste plan. De hier op tiid grif ré ?
Of is syn frije libben dan Ek wol 'ris oare thé ?
Nou is 't in tsiis- of büterjier En bet de boer syn draei ,â
Dan is de stekker wer sa tier En wirdt de büter faei.
Hy priuwt rjue süpe, salt of hier. De waer hjit spekkich , taei ,
Wankleurich, weak of sterk of skier, Bleek , laf of mjitsk as waei.
As 't wier je , wol wirdt om üs part De büter tige djür,
Mar wêz by 't bieren , seit üs hert. Dan net to gleaun en poer.
As 't boerke bütercinten bart
33
En haldt er neat fen oer,
Dan is, ho 't ek sa'n man him wart, Syn libben mear as siir.
Bruk , Fryske boeren holl' en lea En brek mei d' aide sleur.
Win beste waar fen gêrs en hea , Mei 'n lekk're smaek en geur;
En melk en tsjernje net mei skea , Mar mei in bulte fleur
En brük seis twisken tsiis en brea Altyd fen »d' earste keur.quot;
No. 16. Keatserssan//.
Wize : 11 lihhen lest in\j wünder skoan.
(Frysk Lieteboek No. 88.)
Wol immen graech ris' keatsen sjen Fen 't stoere Fryske skaei ,
Dan komt er op üs kriten ta Hjir op de Fryske klaei;
Us folk dat het de slach er fen
En 't jout net jamk de moed forlern.
Hjir kin min yetris keatsen sjen Fen kearels, fluch en taei.
len, dy hwet slüeli of stroflich is, Dy wint de priis hjir net,
34
Hwent dy net üt 'e sokken kin Komt slack op slack to let;
In drege keatser brükt de lea;
Hy docht net mei for spek en brea ; Syn slack is raek en sunder kwea: Sa wint er set op set.
Sa'n master yn it keatsen moat
lil goede püster ha En witte kwêr hy heart to stean,
Dat docht de doar sims ta;
Min sjocht him net yn 't wylde slaen, Mar jimmer stive hallen jaen,
Hwent jamk kin ien sa'n slack it dwaen , Dat wit in keatser sa.
Hy kin, as 't moat, wol prippers jaen,
Dy nimmen reitsje kin ,
Ek docht er faek in boppeslach ,
Dat giet üs wol nei 't sin.
Mar inkeld is syn slach to koart; Hy jout de keatsebal syn part En bringt him hwêr 't er wêze moat: Sa lokt it lang net min.
En hwa foarüt al parte wol,
Dat docht in Fries net mei, Min stoppet kim de hannen net,
Dat liket nearne nei;
Al slacht min him de bal net ta ,
35
Min scil oan him syn meucli wol lia, Hwent oan syn keatsen sjocht min 't sa: Hy smyt de kriich net wei.
Né, yn 'e krite en op 'e stuit
Is hy sa'n mispunt net,
Dy min hwet yn 'e bannen triuwt,
Of sims for 't soaltsje het, Sok keatsen stiet in keatser tsjin, Hy makket hjir syn plak wol skjin ; As hy de bal mar rikke kin,
Dan is by grif biret.
'kMei op noch lit gjin keatser sjen
Dy neat fen 't keatsen wit,
Dy 't alle ballen buten slacbt,
Of iwich sitte lit.
Slacbst' op foar bést, dan heart it sa: De bal moat nei de krite ta ,
Dér moat er wer syn poarsje ha , Dan bin ik op myn snjit.
Mar fljucht de bal dy hwet to heech,
Dan moast hwet romte jaen, Hy saeit dan mülk dyn maet net oer,
Dy kin syn slach dan slaen.
As elts sa, by dit Fryske nocht, Mar jimmer üt syn eagen sjocht En krekt as »Greate Hantsjequot; docht, Dan is er neat to dwaen.
36
No. 17. UirddraveriJ-snnff.
Wize; Strijdt broeders voor het laatste.
Min moat 'ris fen 'e wal,
Min moat 'ris feu 'e stal,
Min moat ris troch de hikke ,
En derom wie 'k net fij Fen dizze draverij ,
Dêr koe 'k my bést nei skikke; Sa'n flinke draverij e Dêr ha 'k yet in grouwe stür for oer, Wol in stür.
Sa'n flinke draverij e Dêr ha 'k yet in grouwe stür for oer.
Sa waerd er mear oer tocht En 't spil oan 't róljen brocht, De wringe gyng wol iepen,
Dat folk fen pak mar ta,
Dêr moat min 't mar fen ha, Dat rint hjir net to sliepen.
't Moat op syn tiid hwet eine En dan komt dat tolk yen krekt fen pas, Dan is 't los.
't Moat op syn tiid hwet eine, En dan komt dat folk yen krekt fen pas.
Elk dy 't yen stypje koe En wol hwet misse woe Waerd op 'e büse kloppe;
37
D}' taei to melken wie En gans to haffl'jen liie, Dy waerd de müle stoppa.
Hwent tomkrüd moast er komme En hwet wie der earst in drokte mei, Ljeave sei,
Hwent tomkrüd moast er komme En hwet wie der earst in drokte mei.
As elk hwet rüglje lit Is 't neat, mar oars dan sit Min yn de lytse loege ,
In hynstekop is goed,
Mar jout yen neat, â hwet scoe 't Hwa kin der jild iit süge ?
ïo , kom mar oer de brêge , For it draven moat min cinten ha , 't Is mar sa.
To , kom mar oer de brêge , For it draven moat min cinten ha.
Ja siker , aid en jong ,
De knoop moat fen 'e pong , Dit moat de brüne luke ,
To , jaen in kerltsje foer,
Dat sjit er fêst wol oer , Wy kinn' it tige brüke.
Sa moat min yen dan warre. As in doom'ny of in abbekaet Wirdt er praet.
38
Sa moat min yen dan warre.
As in doom'ny of in abbekaet.
Sjocb , yn syn hear en fear Kaem hjir it spil wol klear, Nou scil it wirk wol sjitte ,
Nou kin min op üs baen De guds de spoaren jaen ,
Wy kinne drave litte ;
Sa'n grouwe hondert goune Is de priis nou en der giet it om , Is 't net rom ?
Sa'n grouwe hondert goune Is de priis nou en der giet it om.
En elk set nou ten honk , De fammen yn 'e pronk ,
Dy witte hwet bja dogge :
Dy 't neat oan 't hantsje ha,
Loer' under 't kui'rjen sa ,
Oft s' ek in nijkeap sjogge , Mar mocht dit sims net slagje, Fij , dan wol min net nei 't draven sjen, 't Is forlern.
Mar mocht dit sims net slagje , Fij, dan wol min net nei 't draven sjen.
De feinten binn' er ek ,
Min sjocht oan tüch en tek ,
Dat s' yn 'e styfsel binne
39
Om ek ris mei to dwaen, As 't wie , dat by de baen Ris fen hjar gading rinne. Sa'n feint is wol to sprekken As it hopke yn it heiter is ,
Dat is wis.
Sa'n feint is wol to sprekken As it hopke yn it heiter is.
En nimmen mei dit ha :
Gjin alders scille sa Hjar bern nei skoalle stjüre;
Seis bepp' op d' aide dei Krukt by de wiele wei, Hja moat 'ris efkes loere. Ja , 't jout elk folie wille , Hwent it is sa'n moaije draverij, Leau dat frij.
Ja , 't jout elk folie wille , Hwent it is sa'n moaije draverij.
Hwet giet it foar de wyn, Min hat de loop er yn ,
Sjoch, ho dy gudsen rinne,
Mar ien , dat sjocht min klear , Dy kin in bytsje mear,
Hwet mear as sljuchtwei hinne, Dy scil de priis hjir winne
40
En de oaren krije net in sprat, Dat is lit.
Dy scil de priis hjir winne
En de oaren krije net in sprüt.
No. 18.
It icaer sloeeh om.
Wize : Wilhelmus van Nassauwen..
It wie ris op in winter,
Do 'k yet hwet jonger wie,
Dat ik sa'n smucht op riden ,
Mar ek op frijers hie ;
Ik liet rnyn redens slypje
En 'k sei: »'t ontkomt my net,
Ik wol oer iis nei Ljouwert, Dêr ha'k rnyn sin op set.quot;
Us mem die neat as kleijen :
»Hwet is dat iis in kriis !
It jout mar wylde sinnen,
As 'k dy wier, 'k bleau mar thüs.quot;
Mar 'k liet my net biprate ,
Ik hie hwet Oars yn 't sin ,
Mar 'k woe 't ris mem net sizze, Dat wier my fiers to min.
Myn frijer hie 'k forballe ,
Dat laei my tige sear,
41
Hwent fammen wolle frije,
Dat wist üs mem net mear ; Ik mocht er net om tinke , Ik wier myn frijer kwyt, Ik koe der net om sliepe ,
Mar 't joech my net in byt.
Myn feintsje liet my sitte ,
Ik hie 't mar neat to rom , Mar 'k tocht, min kin 't net witte,
It waer slacht wol ris om ; En d' oare moarns tsjin achten ,
Do sei 'k lis folk goemoarn ! En 'k ried mei yet twa fammen Mei moed op Ljouwert oan.
't Wie tige moai to riden ,
It iis wier as in dyk En hird en souder ronfels ,
Ja, hast in spegel lyk ; Wy hiene flak foar 't lapke ,
Hast jimmer foar de wyn, En , fammen , jimme witte , Dat haldt for üs hwet yn.
Mar 't wie my doch net nochlik,
Dat like nearne nei,
Ik ried nou sonder frijer,
Dat wie my yn 'e wei;
42
»Ik kom,quot; sa tocM ik jimaier,
»A1 neamt us mem 't in kras, As 't mar in bytsje slagget,
Joun mei in nijkeap thiis.quot;
En sjoch , do 'k yn in tinte
In dripke malke kocht â Ho kin 't sa miver treffe â
Do foun ik liwet ik socTit, 'k Seach by sa'n kliber feinten
len der wol krüd yn siet En 't wie , of dy to mük ek Op my syn eagen smiet.
Hy kaem al ringen neijer
En 'k seach wol hwet er woe, Sjoch , 't wie myn aide frijer,
Dy 'k net forjitte koe ;
Do wie 't: »bistou der fanke ?
Ik bie dy bjir net socht , My tocht, 't wie joun wol tréwis, Dat 'k dy nei hüs ta brocht.quot;
Elk kin nou gau bigripe ,
It waerd om 't hert my rom. Ik liet my troch him lüke ,
Sa slacht it waer sims om ; Ik kaem de jouns tsjin achten
Mei d' aide frijer thüs , Mar mem siet yet to kleijen: »IIwet is dat iis in krüs.quot;
43
Ik dreau nou mei in grapke
Us memme noecl h wet wei, Fensels , myn aide tüter Dy holp my tige mei: Hy liet üs mem 'ris laeitsje , Hy wier sa'n greate biis , lly song : »it waer foroare , Nou friest it op aid iis.quot;
No. 19.
II kaertlixxen op 'e hrillof't.
Wize : Dêr yn dat trap Ice heammen. of: Weer zinkt de dagtoorts neder.
Mei 'k hjir de kaert ris lizze ?
Siz, breageman en breid, Dan scil ik efkes sizze
Hwet jimme kaert my seit.
It liket breed mei jimme ,
Kompan, dat wie net wei;
Lit üs er nei fornimme,
Hwet jimme barre mei.
As w' yn de kaerten leze ,
Sjedêr, dan blykt it gau ,
It scil in houlik wêze Fen herteu-hear en frou.
i.
44
'k Doar sizze , beide scille
For 't brea hjar best wol dwaen En 't scil in bulte wille , In lokkicli lioulik jaen.
Hy scil bini tige reppe ,
Hwet is er yn 'e bres,
En liwet scil 't wyfke skreppe, Hwet bringt bja 't yn 'e es.
Ik sjoch de skoarstien rikjen ,
Hwêr by syn wente hat,
Ik bear it klokje tikjen :
»Hwet is sa'n jier al koart.quot;
En giet min der 'ris hinne
En 't deistich wirk is dien, Dan seit min: »sjoch ! bjir binne De man en 't wiif grif ien.quot;
En as bja dêr sa sitte ,
Sa iens, dan seit by sa: »Dou scitte lest wol witte ,
Dat ik graecb selskip ba.quot;
Dan scil bja d' eibert roppe : Sa bringt dat stomne dier For 'n kealtsje yn 'e groppe De widze oer de flier.
45
Hy scil mei tinken sizze :
»Myn wenning is myn thüs,quot; En nea to sang'rjen lizze :
Hwet is sa'n wiif in krüs.quot;
Hja brükt gjin houten skinke ,
'k Sjoch, dat dit wyt hjar driuwt »Tk scil er tyg' om tinke,
Dat hy de man wol bliuwt.quot;
scil gjin jild forgrieme ,
Sa as it soms wol giet,
En nea scil 't wyfke skrieme , Dat hy hjar sitte liet.
En moat hja cinten brake ,
Ik wit, dat scil sa gean: »Dit kin de brüne lüke ,
Dat lit de brüne stean.quot;
Ily scil de wet net stelle;
»Ik bin de baes feu 't spil, Tk wol for twa hjir telle En dou bist hjir de nul.quot;
En nea giet hjar de snetter
Krekt as in lammestirt,
Of wit hja 't folie better ,
Of hat hja 't heechste wird.
46
Sa wolle beide stribje ,
Sa balde beide fol En nimmen scil 't bilibje, Dat ien it witte wol.
No. 20.
Sinimci'sanf/.
W ize: Liehes Madschen, har mir zu. oars : Hwat scoe 't libben sonder sang.
Rounom sjocbt min swiide pracht,
Rykdom om yen binne,
Alles blinkt fen fleur en glans
Trocb de mylde sinne.
Njonken koalsied , giel fen blomt,
Leit in blauwe tekken :
Bloeit it flaecbs , och, och sa nioai, 't Is net lit to sprekken.
Reade en wite klaverblom
Pronket yn 'e finne ,
't Is gjin niget, dat de kij
Glêd en tierich binne.
Sjoch hwTet swiere sweëen hea
Yn 'e mieden lizze,
Boer , nou binn' j'in lokkich man, Scoe 'k nou sa wol sizze.
47
Sjoch dat wide wetter lans ,
Wite seilen blinke,
't Giet de skipper ek nei 't sin ,
Nou dat kin min tinke ;
Fisker liat syn füken set,
Lit nou 't boatsje driüwe En hy tinkt, 't mei om myn part Altiid simmer bliüwe.
't Mylde bolle wyntsje waeit, Lit yen swietrook smeitsje, Elk , dy soun en fleurich is .
Kin him nou formeitsje,
Faek en folie tink ik wol:
»Bleau it sa mar jimmer ,
Hwent my tinkt de moaiste tiid Is en bliuwt de simmer.quot;
Holder, flinter , bij en mich
Günsje om my lünne,
't Ljurkje ropt mei 't heeebste liet »'k Bin mei 't waer wol tsjinne, 'k Sjong fen klearebare nocht,
Hwent ik kin 't net litte , 'k Bin in earste simmerfrjeun, Dat mei elk wol witte.quot;
48
,,fim se if.quot;
Wize: Gij schMrende Meuren van Nederlands vlag.
(Het Vlaggelied, van Heije..)
Ik praet oer de rubbers mar Ijeafst yn 't geniep, En 'k woe wol, dat nimmen 't forklapt ,
Hwent is hjir in müle, hwet rap en hwet ryp, Dy rounom fen eamelt en snapt,
Dan stiet it mei koarten net rom ; ik begr^'p:
Ik kom yn tsjok waer, fen de rabbers krij 'k hyp , Dat ha se wol earder, wol earder my lapt. Dat ha se wol earder my lapt.
Jout min oan dy rabbers , sa seit min , gehoar , Dan stekt min se tyg' yn 'eklean.
Hja drage mei iens dan yens nijs buten doar En 't scil oan in Ijeagen net stean ;
Hwent rabbers en ligers dy stypje elkoar.
Hja switte fen 't praten oer 't kwea fen in oar En doge , sa seit min , sa seit min, gjin bean. En doge , sa seit min, gjin bean.
In rabber , sa seit min , der stiet min for yn , Dy tinkt om him seis net to goed.
Seis het er, dat mient er, sa seit min, gjin spyn, Hy het mei syn kjitte gjin noed.
Al is er ek wrak en üngeef, of ek blyn
En slüch, of healskeef en mar glêd troch 'e wyn, Doch het er, sa seit min, ta rabjen wol moed.
49
It rabjen , sa seit min , dêr wol min op üt,
Dat brout en dat stokelt rju kwea.
It giet my to mal, mar min seit it üntsprüt
Ut oerginst om cinten en brea.
Dy 't rabbet en lycht en de snetter nea slüt, Fortsjinnet, sa seit min, in feech oer syn snüt, Hwent, seit min, in rabber, in rabber doocbt nea. Hwent, seit min, in rabber doocbt nea.
No. 22.
MSAten.
Wize : Wie is groot op aarde ?
of : Vader ! 'k wil gaan reizen.
of: Maar veel hooger zegen.
of; Vrijheid , zoo te minnen.
of: Freiheit, die ich meine.
Wost in wrald oanskogje ,
.Timmer farsk en nij ,
Iwicb great en trefticb,
Fredicb , fleuricb, frij;
Woste blommen ploaitse
En to friss'ljen ba:
Flean dan , as de bolders ,
Nei de mieden ta.
Waerme sinnestrielkes Küzje dêr it fjild,
4.
50
Alles blinkt en trillet,
Alles tynt en tilt:
Nije griene sprütsjes
Poarje troch 'e groun, Tuzen snippre blomkes Stean' oeral yn 't roun.
Draeclist in swiere mütse ,
Heste neat as noed,
Bist' in bytsje gammel,
Hest' raar min dyn moed Gean dan frij nei buten
Op in bliere dei,
Hwent it mylde twirke Bliest dyn soargen wei.
't Dangljen op 'e strjitte Jout sa'n lüklam sin ; 't Swabb'rjen oer 'e fjilden ,
Sjoch , dér kinste tsjin. Doarmje trocli 'e bosken ,
Siikj' in blommich paed, Hear nei ljurk en gealtsje , Eest yn 't smüke skaed.
Snuef sa lekk're siicbjes ,
Friske loft dêr yn.
Lit de moed net sinke , Wêz for 't lok net blyn,
51
Luk de poaun' üt J' eagen, Sjocli de wrald 'ris roun. 'fc Makket blier dyn troanje En dyn hert wer soun.
Meist' dyn libben libje Yn sa'n rike wrald , Bliuw dan efter 't baitsje
Mar ris tryst en kald. Büten , wize minsken , Buten greate bern ,
Lit it lytste bloinke Greate wysheid sjên.
No. 23.
âMar ie li.quot;
Wize : Laat and'ren morrend klagen.
Docht min ien gysten stapke ,
Ropt min ien wird to lüd, Het min ien inkeld grapke ,
Mei hwet to folie krüd : Sa'n stap kin 't libben reitse ,
Sa'n wird kin rüzje jaen , Sa'n grap kin deaden meitse; Dat kin »mar ienquot; quot;wol dwaen.
52
Faek stokelt mar ien tongkje : Jamk stout de reek er nei; Dan spat ien inkeld fonkje
En bringt in loge mei. Sa kin ien wolkje driuwe ,
Dat min gjin sinne sjocht; Sa kin it pynlik bliuwe As min ien misset docht.
No. 24.
Yens hrea teer om.
Wize: Was muziek en zang er niet. of : Hwet scoe 't libhen sonder sang.
Kinste seis it styk'ljen faeks
Mar sa maticli keare ,
Kinst' in pripper len in oar
Tige min forneare :
Tink dan , dy neat fele kin ,
Moat syn wirden sparje ; Dy him seis net nytlje lit,
Moat in oar net narje.
Nimt min alles dwêrs, forkeard,
Alles op 'e tosken.
Siker wirdt min dan foar goed
Om 'e holle vvosken.
liet min neat mei suüters op ,
53
Lit ruin yen net hompe , Dan moat min gjin tuters jaen En sa niramen lompe.
Hest' onaris oan in oar
O sa'n bulte niget,
MüIk dat clan in njirre dy
Ek to pakken kriget.
Dy 't it eanget dat de ljue
Sa mei rabjen piele ,
Moat biljeaven oer in oar Net de mule spiele.
Dy jamk mei in sneed yn 't ear
Yn 'e goate reitse ,
Scille mei de moaiste preek Nimmen nochtren meitse. Dy 't oan dwaen in hekel ha ,
Moai to praten witte ,
Scii min mei hjar apekoal Stikem rinne litte.
Wost in gallich libben ha,
Neat as lest bilibje,
Dan moast goar eu goartich sjen,
Grynn' en iwich kibje.
Dan moast wakker smeule en dwaen,
Dan moast hisp'lje , tsiere ,
Sjoch , dan krigest krekt dyn sin, 't Giet dan as in liere.
54 No. 25.
Hi ere Frjeunen.
Wize: Lieve schipper, vaar mij over.
Sit min efkes yn 'e pine ,
Rint it yn 'e wrald net mei ,
Komt de kniper op 'e skine j
Folie frjeunen falie wei. j
0 , min kin sa maklik sizze :
»Nomm'le frjeun, 'k forjit dy nea.quot;
Mar as wy forlegen lizze |
Binn' dy lüJe roppers dea. ) ^s')
Wiere frjeunen binne dreger As sa'n ropper dy-t hwet geit.
Drege frjeunskip sit hwet heger j As de mule, dy quot;t hwet seit. j
Frjeunskip scil yen nea forjitte,
Eale frjeunskip, styp' en treast.
Lit yen nea forlegen sitte, i
Bloeit yn't ünk krekt alder meast ^ '
As it op de sé fen 't libben Buijich en ünlijich wie ,
Seach min, oft min drege sibben 1
Oft min wiere frjeunen hie. (bis.)
55
No. 26.
li ol heslein.
Wize ; Gij lieve lelie op het veld. (Zangvogeltjes.)
It wie sa'n nuwer moaije joun
En fleurich is er brükt,
Gjin kniezer het er kwea yn foun En stive falden lukt.
Né , dizze joun forfeelde net,
It gyng üs wol nei 't sin.
Min het hjir gjin gesanger heard, Mar sankjes net to min.
Min brükte hwet mar snédich wie ,
Al wie 't net splinterny ,
Hwent dy 't hwet nocht oan kleurjen hie, Dy die er wol hwet by.
Gjin rabber het hjir splinters socht,
En nimmen wie hjir oer.
Er is fen seis ek koal forkocht Mar nimmen kryg' it sur.
It foei net yn forkearde groun ,
As min syn miening sei,
En nimmen het hjir stikels jown , Dat liet min stikem nei.
56
Wol waerd' er praet oer aid en nij.
Mar sjoch , dat lette neat,
En 't slagge bést mei d' aide kij, Dy bleauwen yn 'e sleat.
Elk wie sa fleuricli, elk sa bliid.
En elk bleau goed by 't stik ;
De holle bleau sa by de tiid ,
De müle by de prik.
It het üs tige skoan foldien ;
Fen seis, nou stiet it sa :
As 't lije kin , wol elk en ien Sa'n joun graech yetris ha.
No. 27.
tt klokje Jen binnen.
Wize: Alleen in den nacht en hij noodweer. of: Natuur ligt in droomen verzonken. of: Ich iveisz nicht., icas soil es hedeuten. of: Uwer moat it dochs mei my hinne, (Frysk Lieteboek No. 39.)
»Tiktak, 't wie earst tiid fen bigjinnen.
Er komt ek in ein op it lést,quot; Sa seit üs it »klokje fen binnen O ars tikket dat klokje net bést.
Al is min nou yet fen it sjongen. It praten , it spyljen net sêd,
57
Elk wirdt troch dat klokje liast twongen, It stjürt him nei honk en nei béd.
Al woe min dat klokje wol nekke , It lialdt doch syn eigen bistek ,
Us klokje fen binnen scil sprekke Al triuwt min de wizers tobek.
Al wol min 't ek fyntsjes bilizze ,
It is net sa ringen lordoarn,
Dy 't harkje wol, scil it grif sizze : »'t Is üt hear! der helpt nou neat oan,quot;
Hwa harket, as 't klokje mocht liede? Hwa fielde dat klokje wol slaen?
Hwa liet troch dat klokje him riede As 't tiid wie fen litten of dwaen?
Dy wit wol, it kin neat mear lije , It klokje joech tiid by de roes;
Wol jimtn' er gjin rüsje mei krije, Gean dan op syn sizzen nei hns.
It klokje dat swijt, as we stjerre, Hwent letter dan tikket it net;
Kom , lit üs nei 't klokje dan hearre, 't Wirdt letter , mar 't is net to let.
Us klokje , 't is makke for 't libben, Siz , het min hjir ek hwet op tsjin?
Oars gean we nei hüs ta as sibben : Sa kriget üs klokje syn sin.
58
En as we net langer lijir sitte ,
Al bliuwt mannicli klokje dan gean, Rju scille dat tinkjen gau litte,
Hwent klokje nei klokje bliuwt stean. For 't lést scil it klokje üs roppe
Us wize nei 't gref yn 'e groun ; Dan wiist it yet ienkear nei boppe, Mar 't draeit net de wizers mear roun.
Y N H A L D
Side.
1. Fryske Roskaem.......5
2. Us Fryske tael scil blieuwe... 8
3. Tiuk er om........9
4. Farwol üs boartèsplak.....12
5. Hüs en Hiem.......14
G. It famke.........16
7. Frijheid..........18
8. Troch iendracht sterk.....19
9. Wier en klear.......22
10. Kweade buijeii.......23
11. It sjongen docht elk goed ... 24
12. Friezen, nea bifrieze.....26
13. Sjoch, bo alles libbet! .... 27
14. Nea nei 't sin.......29
15. Bütersang.........31
16. Keatserssang........33
17. Hirddra verij sang.......36
18. It waer sloech om (Issang)... 40
19. Kaertlizze op 'e brilloft .... 43
20. Simmersang........46
21. »Min seit.quot;........48
22. Buten..........49
23. »Mar ien.quot;........51
24. Yens brea werom......52
25. Wiere frjeunen.......54
26. Wol bislein........55
27. It klokje feu binnen.....5G
Trantf t hij uwen boehhamlelaar:
Waling Dijkstra Fryske Skür-al tnenak /0.rgt;0 » Wintergvien . i 50
» Ut en thus . ]._
» For de praatstoel _
» Fordraehten griene brilloft - 0 60
» ïoalve briJloftsangen - 0.25
Jentsje Sytema Katechism. leare der wierheid - 0.30
E4 sjcs SSsïj'kc'B'jquot;.
no. 1. Bleeksma Rym en oniym Æ0.25
no. 2. » Eymkes . 0.25
no. S. M. P. Troelstra Nieske Stamsma - 0.25
110. 4. Waling Dijkstra Koartgüd - 0.25
no. 5. » Neiswyljen - 0.25
Van der Meulen In moai Wolkomthus fO.hO
Veis tra Aide E aeye - 1.20
» Trou ef Untrou . __
» It Pikelfleisfet - 0.40
Looijenga Alderljeafde . 1__
Waling Dijkstra ISoekli. fen keapman Gabbema - 0.50
» Oebele Glüper - 0.80
» Hele boel bitsjoend - 0.60
» Yens wild moat men balde â 0.40
» Ue Skearbaes Dokter - 0.75
J. S. v. d. Steeg De pron kskens fen de fronljue -0.50
W. Vrijburg Liekel üt de Weiten Piek - 0.80
L. Heeringa Tvva Ijeave Jocges - 0.7t
B. S. Hylkema lenfald en Ljeafde. - 0.7L
S. II. Hylkema Aldjiersjoun -0.30
Baarda In lyts forsin . o.40
J.. Rmtiés; Borger De Boterkwestie Æ0.40
Jïiainy v. Dincklage Oost-Friescbe Novellen. Geb. - 2.50 quot;â¢vIngenaaid - 2.â B. Bjcéritson Het Visschersraeisje -190
W. P. de Vries Jan Harink -0.75
'Ãaurillard Beschermt do dieren - 0.50
Hylkema Het Kaatsspel . 0.25
Glara Biller Lize's Dagboek Geb - 1.90
Ingenaaid - 1.50
tgt;