,® 's;®;.^:,® gi^'igBi n:» a«; assf;,^® « ■-j^.®;s « t.sil® ®!i@39gt;:^?SiSlBM;LÊiS3i
quot;r :c
i!wnJ f
❖Ln*
|!K! \M*
DER WIER RIS
S ¥: *
¥tVJe Mlt;'lt;n£gt;
O
!C
S. K. FEITSMA.
nj) /i!iii sc/s litjo
Stijl Illt;li
*§*
rU- Kn?
f: '!--
..:1n* vrr ö'v
iCl- .ItPv
T ^
•ins: ,■
J!* l ^ I
Rquot; .■gt; 'i ë :-i'' j.' J « .i, ©|
—V ff) -, m.-.ii
r,.'\.-
lo Wnl.VK.iKA Jiv I-'. .1. W. I'OSTIUMA.
x; |
;fa;
:i::
40* %
% :irö;.
41:
.U].
4i *10*
.T $ %
-é^y', ;:l
i i
;ggt; ii'é' 91« 'ï®1 'ï' - i' ■•- - -'• tf';'-' ® j' (i- ■:«.•/' 'i-'afei® ^ amp; aja ® » ai© a,© a;©0ieig a a at® S|
i / •.\v a/aTT/^v i\vxr.\
7X77v v/- '!- \. .Vlt; \/ iW.Vy.A/jVVquot; A/ix'(Sf .\
Prii.s .gt;.T
N H A L D.
1. Feu tnje maten dy mei enoar op reis giene .
II. De kibige Matroas..........
III. De sabeare dream fan in \V eesjonge....
IV. Feu de soldaet, dy syn tractemint hawwe woe V. De tnje Riedlingen.........
VI. De trije Buchelden..........
VII. It Lokbientsjo...........
VIII. Ho it Halbe-boer ófgong, do 't er yn 't iepenbie
sprekke scoe ............
IX. Dream of Wierheit P.........
X. De Bitsjoende Parbeam.........
XI. Stoarje van Tomke..........
XII. Lyk om lyk.............
XIII. De spoekjende frijer..........
„DER WIER RIS.
/lt;^lt;5
DÉR WIER BIS
ïï
j^RYSKE yVlEARKES
r n :: p c U r
TK0C1I
S. K. FEITSMA.
S((H)u/e — aj) lilui sein i'ifjoirtir 11'ij'lrje.
Priis 35 ctn.
To Wol VEGE A
by F. J. W. POSTHUMA.
Fen trije maten dy mei enoar op reis giene.
Der wierne ris trije spylfeinten, dy woene op in wyld aventur üt. Twa fan lijar wierne iennichst soan, mar de tredde hie yet in broer, dy 't sa sprekkend op liira like, dat men se net ut enoar koe. Elk fan üs maten sei tsjin syn heit: Heit jow my hondert goune en in hynsder, dat ik op reis gean kin, de wide wrald yn. En do hja dat hiene gyngen se mei lijar trijen op 'e sutel. jMar de iene (ik mien dy 't yet in broer liie) sei foar 't er op reis gong tsjin syn heit: ik sell myn mes yn 'e beam stekke (hy hitsjutte hwersa'ne) bliüwt dit glêd dan scil dat in teiken wêze, dat it goed mei my giet mar as er rustplakken (jan sitte, dan is dit in blyk, dat myn libbeu yn noed is en ik jins helpe nedich lia. De heit ontlijitte do dat er hjir om tinke, en d'r alle dagen nei sjen scoe.
Nei 't hja gans in ein reisge hiene kamen se tsjin 'e joun by in her berge en fregen de kastlein eft lija dèr dy nacht bliuwe koene. Nou ja, dat koe wol, sei de kastlein. Hij brocht lijar elk yn in aparte keamer, hwer se to koai giene. Mar de oare moarns lei ieu fan hjarren dea op bêd ; hwant dy keamer, dèr hy yn slept hie, wier in spoekkea-mer, en it spoek hie him de nekke britsen. Mar ns ljue wisten dat net; de kastlein hie d'r neat fan sein, en him der hinne laet om seis feilich to wezen. Dat hie al gans minsken sa it libben kostte: hwant alle jonnen salang as
4
de kastlein der wenne, hied er dêr in gast yn dy keamer brocht.
Troch dit gefal bleauwen de beide oaren dêr yet in dei oer, en de nachts ek. Hja hiene 'er de joune neat gjin erch yn, dat de kastlein ien fan hjarren yn dyselcle keamer brocht, dêr hjar kammeraet om lials brocht wier. D'oare moarns lei dy ek dea op bêd. Sadwaende moast syn maet dy nou allinne oer bleau, dêr nog wol bliüwe, en kam de jouns ek yn dy keamer to-lanne. Dy wier nou lykwols al sa wiis, dat er it spil net stie en nam hiin foar om op to bliuwen. It waerd tsien ure, alf ure, mar hy fornam neat dat net docht. In by Is je foar middenacht gyng er bütendoar en kuijere de leane foar hüs ris üt ont er by in izeren liek kam, dat oan stie. Hij die it slot er op en bifeugele it sa, dat er gjin minske troch kom me, noch de sluting forbrekke koe. Hy wier mar skraech mei dit wirk klear, do er in onwitend gerofte fan wapenen hearde en it dürre net lang of it waerd foar it hek swart fan minsken, allegear soldatefolk. In man op 't hynsder lijitte üs feint, om it hek iepen to dwaen. „Hwa biste?quot; frege disse.
„Ik bin de foarrider fan 'e geasten,quot; sei er, „mar meitsje hwat oan, ik wol der yn.'' „Dü komste 'er net yn,quot; sei üs man, „net earder as dü moatste my biskikke hwat ik my winskje; dat is: in swird dêr ik alles mei forslaen kin, in gewear dat altiid raek scjit en in jildponge, dy't noait leech wirdt.quot;
„Accoarfe!quot; andere de geast, „hjir is it al.quot;
Dat wier nou in domme set fan de geast, om, nou hoegde üs man neat to eangjen, en hy jage it hiele leger fan geasten mei syn striidark op 'e flecht. En hja kamen noait wer, kwant de bitauwering, dy op 'e herberge restte, wier nou britsen.
De kastlein wier wakkere bliid do er 't fornaetn en sei hy scoe üs man fiif-en-tweintich goune jaen, mar disse hie dat jild nou net nedich, om hy hie in pong dy 't noait leech
5
koe. Mar hy wier ek lilk, dat de kastlein neat fan dy spoekery sein, en dy twa frjeonen der oan weage hie. Derom sei er tsjin 'e kastlein: „Dyn jild wol ik net lia.quot;
„Dan jouw ik jou myn dochter,quot; forfette de kastlein.
„Dy wol ik ek n't lia,'' sei er, hwant hy seach nou folie hsger, en reisge fierder.
Hj kam mei 'e tiid yu 'e keningssted; mar dêr wier 't net folie trevis: de hele stêd wier mei swart doek bellinde as teken fan rou. Us man frege oan 'e kastlein, dêr 't er tocht to bliüwen, hwat dit to bitsjutten hie. Dy fortelde him do, dat de keningsdochter Jy wier yn 'e macht fan in draek, in augryslik dier mei saun koppen, en dêr wier nimmen dy 't hjar forlosse koe.
Us man sei, dan woe hy dat ris bisiikje. Hy joech de kastlein in foantsje, dat dy him nei de kening brocht, en do sei er tsjin 'e kening, dat hy scoe de princesse forlosse, mits dan woed er mei hjar trouwe. En do 't er oan 'e kening sei, dat er it jild mar for 't oantaesten hie, do joech dy syn tawird dér op, hwant in rike skoan-soan wier syn foech. Doe gyng er nei de hoale fan 'e draek en sloech mei syn swird, dat noait miste, it bist alle saun koppen tagelyk of. Xei ?t er dit forrjuchte hie brocht er de prinsesse by hjar heit, en dy liet mar daelk brilloft halde, dan gie it yn ien drokte tioch.
Us man wier nou Prins en libbe tige gelokkich mei syn kreas wyfke. Op in kaer dat er mei hjar kuijere en syn besittingen oerseach, foei him in rilh yn 't each en hy frege oan 'e princesse hwaens eft dat wier.
„Dat is uzes ekquot;, sei hja, „mar dy strekt üs neat, hwant it spoeket der yn. Ik ried dj' en kom er net yn, hwant dan is 't mei dyn libben dien.quot;
Om syn wiif net ongerêst to meitsjen sei er, dan scoed er dat net dvvaen, mar hy nam him yn stillens foar om, as er allinne wier, dér i's hinne to gean en it spil to on-dersiikjen.
Hy foun al gau dy gelegenheit en makke der daelk
6
gebrük fan. Do er de doar fan de villa yn kam, foun er dêr in aid man, dy him neat net oer syn kommen forwon-dere sa 't like. „Hwat is 't hjir augryslike kald!quot; sei er tsjin disse, liwant dat wier ek sa.
„Ja,quot; sei it mantsje, „mar gean der sitten, dy is waerm.quot; En hy wiisde him op in greate stien. Us prins gyng op dy stien sitten, mar hy hie dat sa gau net dien eft de de stien kantele om en kam wer to plak, nei 't de prins dér onder hesluten wier.
Dêr siet er non yn in neare, tsjustere hoale en nimmen wiste hwer 't er bedarre wier. Allinne de prince^se hie in tsjustere eaning, dat er nei de villa gien wier, en dêr syn libben litten hie.
* *
*
Onderwyl hiene syn heit-en-dy alle dagen, nei 't er fan hüs gien wier, nei it mes sjoen en nou rustplakken dêr op ontditsen. Derom stjürde de heit syn jongste soan d'r op üt, om sj-n broer nei to spoaren en as 't eat mfilk wier to helpen. Dy kam sender folie wederwaerdigheden ek yn 'e keningsstêd can, hwer 't er tafallich de prinsese moette, dy — yn 'e miening dat hjar man weromkomd wier — him mei folie bliidskip ontfong en him yn goedens biskrobbe, dat er dóch nei de villa tagongen wier.
Us man wist earst net hwat er dêr oan hie, mar be-griip al njunkelytsen ho de foarke yn 'e stók siet; hy liet de princesse stil yn hjar gelowe en sei dat hy moast nog ienris nei de villa torêch en dan kam er dêr net wer. Do er dêr kam, mette him yn 'e doar ek dat aide mantsje, dat syn broer sa yn 'e pet litsen hie, en lyk as disse sei er by 'tynkommen: „Wat is 't hjir augryslike kald dóch!quot; en it aide mantsje andere: „Ja, mar gean op dy stien sitten, dy is waerm.quot; Doch de jongkearel sei: „Né, mar set fjür oan en sa net, dan sell ik dy fine, datste foun biste!quot; hwant hy makke him onder 't praten wei lilk om
7
syn broer, dy 't buten kiif op disse wize yn 'e fuke roan wier.
De aid man sette fjür oan, en do dat omraek barnde, sei de jongkearel wer: „Nou scitte sizze, hwer 't myn broer is, en oars smyt ik dy yn 'tfjür.quot;
„Draei dy stien om,quot; sei de aide, „dêr sit er onder.quot;
„Doch it seis.quot;
De aid man diich dat en do kam de prins dêr nog lib-ben onder wei en foei syn broer om 'e hals. Hja woene nou dy aid man straffe, mar disse. sei, dat moasten hja net dwaen, dan scoed er lijar wat sizze: Der onder de stien, yn dy kflle, sei er, laeijen trije potten mei jild. Dy moasten hja dêr wei helje, en jouwe ien oan 'e tsjerke, ien oan de earmen en ien mochten lija seis halde. As hja dat diene, dan scoe de boel dêr suver wirde. En sa barde it.
Dernei gyng de prins mei syn broer nei hüs en tortelde hwat hjar wederfearn wier. En de prins houde syn broer dêr oan 'thöf en liet syn heit ek oerkomme en syn mem, en hja libben fierder lokkich en ienriedich mei enoar.
Do't de aide kening einlings de holle dellei, waerd de prins kening en de princesse keninginne, en hy joech syn broer in goede bitsjinning oan 't hóf, en syn heit krige ek in goede post. Ut.
11.
E KIBIGE
p
ATROAS.
Der wier ris in matroas, dy wier in wike-mannich mei forlof thus, en lüe plan om him yn dy tiid ris tige to for-meitsjen. Hy klaeide him op syn sneinsk, stiik in diel fan syn fortsjinne lean yn 'e büse, en gong do oan 'e gyl. Syn wei fierde him foarby in kastiel, dêr bleau er stean om oan de moaije jongfaem, dy dêr op 't bjinstap to spie-len stoe, syn eagen to forklearjen en in praetsje mei hjar to meitsjen. Hij wier al gau mei hjar yn reden, hwant it krudich jongfeintsje like hjar ek net ongefallich, en do fortelde hja him, dat lijar hear en mefrou wierne üt-fan»hüs, en dat hja nou allinne dêr yn 'e hüs wier en sa bang as in weesling, nou nammers to mear, om it hie dêr de nachts sa oanweigien yn de keamer neist hjarres. Dat hja doarst dêr einliks net ienris wer yn 'e hüs komme, lit stean tan dêr bljüwe.
Us matroas dy net fan in bytsje forfeard wier, bea hjar oan om mei hjar to gean en it spil yn 'e hüs to onder-siikjen. Dat waerd oannomd en do gyngen hja to-gearre yn 'e hüs. De faem bitsjutte him hwerearne de keamer wier, dêr hja de nachts dat gespüs heard hie en hja stoepen dêr binnen. En hwat seagen hja do? Mids oer de flier stoe in greate koer mei touwen bifeugele; dy wier dêr de nachts yn 'e hüs brocht, sa ;t like. Dat wier fan seis gjin goed spil, en üs matroas ornearre, dêr scoe wol in kearel
9
yu forside sitte en dat dj* doel hie, hjar to bistellen en faek wol to deijen. Om 't er for dat doel wol tige biwa-pene wêze scoe, en miilk in kearel dêr 't de matroas it net tsjin opnimme koe, scoe 't net riedsum wêze om him dêr üt to litten. Ey moast op oare wize onskeadlik makke wirde. Hja prakkesearren do to-gearre üt om boppe oan 'e souder in takel fêst to meitsjen, de koer dêroan op to hysen en him, as er oan 'e souder ta wier, hommels delfalle to litten. As er hwa yn siet, lyk as hja tochten, dan scoe dy nei sa'n fal wol nei gichum wêze.
TJs matroas, dy fansels wol kladderje koe, hie dat spil gau foar enoar en do hysten hja de koer oan 'e souder ta op en lieten Mm mei in augryslike plof wer delkomme. Derby rottele it wol yn 'e koer, mar oars hearden hja neat: gjin grant fan 'tlibben dat er faeks yn wier. Mar nog stiene hja it spil net, en hja bruiden for de wissichheit de koer yet yn 't wetter, hwer se him in setsje alhiel onder treauwen. Do earst weagen hja 't de touwen los to snijen en it lid 'er of to dwaen. En hwat seagen hja do ? In onwitend ein kearel, dy as er yet libben west Me, wol tsien matroazen lyk as üs feintsje meitsje en brekke kind hie. Mar hy wier nou kroandea. Fierder founen hja wapens fan allerhanne fatsoen, om in minske de deastek to jaen, en ek nog in fluitsje, dat de matroas by him stiik-Koartom, it wier de opperteur fan in binde rovers dy op in teiken fan hjar haedman, it kastiel binnen komme, de boel dêr iitplinderje en de ljue om hals bringe scoene. Mar soks wier hjar nou misleaire. De matroas, dy 't er dy deis bleau, wapene him tsjin 'e joun mei in great swird, gie yn 'e doar stean en bloes op dat fluitsje, hwerop for-skate rovers de iene nei de oare binnen stoarmje scoene ; mar üs maet sloech se linich de kop öf, sa 't de jinge dy 't oard kam oer de earste hinne trüzele, en sa forfolgens ont al dy rovers-liken op in heap laeijen.
Hja praetten óf om dy boel mar oan de oare moarns ta lizze to litten, dan koene hja d'r hjar earst r's oer bisliepe,
10
ho se der fierder meioan moasten. En krekt dy oare moarns kam de hear thus. Hy seach dos hwat 'er bard wier, en do moasten hja him fan stikje ta bytsje fortelle ho dit spil hjir tagien wier. Dat digen hja fansels, en do it forhael üt wier, spriik er: „Dit is in tsjinst, dj* ik net leanje kin; mar ik haw jimme in ütstel to dwaen; Do frege er hjarren, eft lija enoar wol lije mochten en eft hja wol mei enoar trouwe woene? En do seine se.beide fan ja.
Dêrop spriik dy hear wer: „Nou, dan scil dat hawwe, jimme kinne hjir bliüwe sa lang as jimme wolle, en scille nearne net for to soargjen ha. En as ik en myn wiif, dy nou beide al aid binne en gjin bern ha, üt 'e tiid reitsje, dan meitsje ik jimme alles ta hwat ik bisit. Liket jimme dit goed ta?quot; — En do seijen beide wer fan ja, mar de matroas foege dier by, dat hy moast nog trije jier tsjinje, en salang mocht er nearne oara net oer prakkeseare. — Hwat dy hear en de mefrou en syn oansteande der ek tsjin yn leijen, en dat se him wol frijkeapje woene en sa, ns man bleau by syn foarnimmen en do syn forloftiid om wier,
nam er ofskie en teach 'er wer op Of.
« *
*
Hy swalke nou nog trije jier op sé roun, en alles gyng goed, mar op 'e weromreis litteu hjar skipbrek, hwer de measten fan hjar folk by omkamen. Us matroas lykwols mei twa fan syn maten spielden nog libben oan lan; mar hja wierne neaken en bleat en de honger pleage hjar. Derby wier de streek, der hja wierne, lijarren onbikend. Hja swalken dos op gelyk ef ongelyk fierder, en kamen tsjin 'e joun gelokkich by in kastiel to-lanne, hwer hja om onderdak fregen, dat hjarren net wegere waerd. Hja waerden by skimmerjoun yn in keamer brocht, dat die de frousels; dêr moasten hja mei iten en drinken mar ta hjar seis komme en dan koene se dêr op bêd gean. De oare moarns scoe d'r wol fierder for hjar soarge wilde.
11
Do hja dan to-wekker wirdden, laei er for elk fan hjarren in liimrael pak klaen foar lijar bêd op 'e stoe!; mar us matroas sines wier wol lielte moaijer as sj'n kameraten hjarres. Do hja it goed en wol oan hiene en de liiin yn 'e buse stieken, founen disse der elk in silveren haloasje yn sitten en ns matroas fonn ek in haloasje yn syn bnse, mar dat wier in gonden.
Hja hiene net folie tiid om hjar d'r oer to forwonderjen, hwant de faem kam by hjar en sei, dat hja moasten alle trije effen by de frou komme. Dat digen hja fansels, en do krigen dy twa maten elkmes nog in goede knoarre reisjild fan hjar en koene do fierder gean. Mar ns matroas krige neat, as allinne de frijichheid om nog hwat to bliu-wen as er woe. Do seach er hjar for 't earst ris goed oan, en herkende yn de moaije slotfrou de faem der 't er mei forlove wier. Do waerd it him klear, hwerom hy better as syn maten fan hjar bihanle wier, en dat hja him daelk wol werkend hie. Dit nou biskoge hy as in goed teikén, en do sei er, dat as hja der nog sa onder stie^ dat se him hawwe woe, dan woed er nou wol mei hjar trouwe: hy wier nou frij hwer 't er gean woe. En do sei hja, dat hja wier nog deselde yn dit stik en ek alhiel hjar eigen man. Hjar hear en mefrouw, sei se, wierne nou al sont in jier wei' west, en dy hiene hjar alles tamakke, lyk as se dat by hjar libben onthjitten hiene.
Hja trouden al skieik dêrop en hawwe fierder lang en lokkich libbe, en as se net stoarn binne, libje se nog.
III.
De sateare dream fan in Weesjonge.
Der wier ris in jonge, dy 't it weeshüs ontflechtte, om yn de romme wrald syn aventur to siikjen. Nei rjüe folie wederwaerdichheden kam er einlings yn 'e keningstêd. Dêr wier alles mei grien en flaggen bihinge, alleman wier yn 'e pé en der like oan de froalikens gjin ein to kommen. Us feintsje frege oan 'e kastlein, dêr 't er tocht to blinwen, Invat dit allegear to bitsjutten hie, en dy sei him, dat de keningsdochter dy scoe trouwe; dêr waerd non brilloft halden oan 't hof en salang wier 't ek feest for alleman yn 'e stêd.
„Dêr scoe 'k wol ris b}7 wêze wolle'', sei ns feintsje.
„By dy brilloft, hè ?quot; andere de kast'lein; „ja mar, jonge, dat sit dy net sa glêd. Dêr biste net moaijernoch for yn 'e klean.quot;
En dat wier ek sa. Us jongfeintsje seach 'er eameltsjes lit; hy hie wol in gouden ring om 'e finger en in sidene doek yn 'e bnse, mar dat stie by syn oare spillen as in brette apel op in stok, lyk as men wol ris seit. Dêr wier lykwols ried for, de kast'lein woe him wol in pakje salang liene. Mar hy moast ek moai fortelle kinne, oars koed er net by dy brilloft komme. Allinne fremden, dy 't dit koene en de gasten formeitsje, hiene frije tagong.
Nou, dat koe ns jongfeint wol, om 't hy hie al gans bilibbe en onderfoun. Hy woed 'er dos hinne. mar forsocht
13
de kast'lein, dat dy liim earst nog oer 't ien en 't oar hwat ynljachting jaen woe; liy woe bygelyks witte hwat for 'n man as de princesse krige en eft hja ek mei him forhear-
like wier en sa.....mar der wist de kast'lein ek net alles
fan. Hy wist allinne, dat de princesse lang yn de macht fan in roversbinde finzen sitten hie en dat hja dêr einlings üt forlost wier en to-skip thus brocht troch de man, dy nou hjarres wirde scoe. Nou wist üs jongfeintsje l}-kwols genOch nei syn sin, en nou kreas forklaeid gyng er nei de kening en frege om as fortelier talitten to wirden. Dat waerd him tastien en hy moast mar daelk yn 'e brillofts-seal korame, om syn forhael to bigjinnen, hwat er op disse wize diich:
„As jongequot;, sei er, „bin ik de wide wrald yntein om fortiin to siikjen. Ik bistege my earst as skipsjonge en letter as koksmaet op in skip en hie do gans to fordürjen; mar ik houde my trankyl, paste goed op en brocht it einlings safier, dat ik seis kok wirdde. Do hie ik it goed, mar nei in setsje farren kamen wy op in klip to-lanne, sa 't üs skip mei mus en minske nei de kelder gong; ik wit net better ef ik bin do fan al fis folk mar allinne oer-bleaun. Hwat my sont die skipbrek bijegene is, dêr kin ik my gjiu kleare foarstelling fan meitsje; 'tis krekt ef ik myn onthald in tiidlang mist had, out ik jisterjoune yn 'e keningstêd oankam en to-nacht in nuvere dream hie. Hwant hwat nou fremd is, ik kin my dy nog alhiel tobinnenbringe, en 't liket dos wol, dat ik sont jisterjoun myn onthald wer-krige ha. Mar dy dream woe ik jimme fortelle.
Ik dreamde dan, dat ik nei dy skipbrek op it stran stie, net to witten hwer hinne, en op aventür foart swalke. Tsjin 'e joun, sa dreamde ik fierder, kam ik by in luis, dêr ik oankloppe en ynlitten waerd. Yn dat hüs nou wennen rovers, dy 't de reisgers ütplinderen en deiden ofhjar finzen halden dat dy hjar net* forklappe scoene. Hja fre-gen my hwer ik wei wier en sa, en do ik hjar sei, dat
14
ik kok op in skip west hie, wierne hja wakkere bliid, liwant hjarres wier sont in dei of Ixwat stoarn en ik koe nou syn plak ynnimme. Ik moast nou for lijarren siede en briede, hjar oan tafel bitsjinje en hwat 'er fan iten en sa oerbleau, troch in traeljehek smite. Hwat dêr efter dy traeljes siet, waerd ray neat fan sein, mar ik nam my foar. om it to ondersiikjen, sadré 't de rovers fan luis wierne. Dat barde al gau, en do op in kear die ik it hek iepen. Ik ontdiik do, dat dêr in tsjerp jongfaem efter bisluten siet, dy my fortelde dat hja in princesse wier, en ik nam my foar om hjar en my seis to redden. Om 't de rovers nog yn gjin pear ure thus komme scoene, helle ik gau in pear hynsders fan 'e stal, lei it seal d'r op en, nei 't ik fan goud en silver sa folie by my stitsen hie as ik mei skik drage koe, forliet ik mei de princesse it rovershüs, dêr hja dommer-nóch my de kaeijen fan tabitroud liiene. Wy rieden nou sa hird as wy koene foart, altyd yn noed dat de rovers üs neisette scoene. Mar, lokkigernoch for lis, barde dit net. Tsjin 'e joun kamen wy oan in greate bosk en bleau-wen dêr om 'er yn to binachtsjen. De princesse onthjitte do, dat se mei my trouwe scoe, en joech my in ring en in sidene doek as in blyk fan hjar trouwe. Ik ha dat fansels allegearre mar dreamd, mar dy ring eu d}7 doek haw ik dóch by my, lyk as jimme sjen kinne. Nuver oa' net? Ik dreamde fierder, dat ik eiulings mei de princesse by in skip oanlanne, dat üs opnam om üs nei de keningsstêd to bringen; onderweis stjürde de skipper, hwa 't wy üs skied-nis forteld hiene, my nei hoppen om in ton fêst to meitsjen, en dó ik boppe wier, snei er it tou troch, dêr ik my oan fêst haldde, dat ik oer board foei, lyk as syn doel west hie. Gelokkich waerd ik troch in oar skip opnomd, dêr ik like gelokkich mei oan lan kam; mar de princesse seach iknoait wer, en hwat hjar fierder bijegene is, wit ik net.
Sjuch, it is mar in dream, mar oars scoe ik sizze, ik kin 't riede hwat hjar fierder wederfearn is. Ik stel bygelyks, dat dy skipper, nei 't er mei alles op 'e hichte wie', fls
15
princesse in dj ure eed swarre litten het dat hja sizze scoe, dat hy seis hjar redder west hie en hjar ta wiif liawwe scoe, en hja dit troch syn drouwen einlings dien het. (En do hommels en op 'e man óf:) „Hwat tinkt jou, hear brug-geman, fan disse stoarje ?quot;
„Datstn in onbiskamme Ijeagener biste!quot; andere disse,„sa wyt as in kalken mürre.quot;
„In Ijeagener en bidrager, dy 't, seit!quot; andere üs feint onforheard. „Freegje oan de princesse hwa 't hjar forlost het, oan hwa hja disse ring en doek jown het en trouwe onthjitten!quot;
„Zty haw ik dat jown en oan dy haw ik dy onthjitten!quot; spriek de princesse.
„Dos dy sabeare dream is wierheit!quot; spriek de kening.
„.Ta, hear keningquot;, andere üs jongfeintsje mei in büging.
„Mar dan is dy oare in bidrager, in smjeont, róp de kening, en dy het it weage om my to misleiden; nim liim tiu-zen mannen, en dat er moarn mei fjouwer hynsders üt enoar sknrd wirdt.quot;
Mar üs feint bea genade for him, en sa waerd er foroar-dield, om, efter traeljes opsletten, mei de bitten en brokken fan des kenings tafel fürre to wirden, op 'e selde wize as de princesse by de rovers it hawn hie. Mar üs feintsje troude mei de princesse en hja libben fortoan sa lokkich as de moskjes yn 't san. Ut.
TY,
Feu de soliiaet, dy sp tractemint liawwe woe.
Der wier ris in snldaet, dy hjitte Jan, en dy hie noch toalve sturen fen syn traktemint to goede. Dat woed er lia, mar hja seine, liy moast tiid dwaen, en oars krige er nin byt. Mar der wier Jan net fen thus.
„As jimme it my net jowe,quot; sei er, „den gean 'k er om nei de kening.quot;
„Aste foart giestequot;, seine hja, „den bist disserteur, en den krigest de kügel, baes!quot; — „Dat kin mei neat skele,quot; sei Jan, „mar ik wol myn toalve sturen ha, al moat ik 'er den ek om dea.'' En hy striek 'er üt, lyk as er sein hie, om, hy stie op syn stik, en as er hwet bigrepen hie, den died er 't ek, al hinge it libbeii 'er aon. Sa reisge er den fierder ont er wirch waerd en do joech er him hwet del oan 'e kant fen 'e wei, om to resten. Do er dêr in toarntsje sitten hie, kaem 'er in hearskip oan, en dy frege him hwa 'ter wier en hwer hinne. Nou, sa en sa. Dy hear sei, den koene hja wol mei enoar gean, hwent hy moast ek nei de keniugsstêd. Dat wier nou goed, en hja gongen togearre fierder ont it tsjuster bigonn to wirden. Mar hja wierne yet lang n't yn 'e keniugsstêd. Dêrom sei de hear: „dêr jinsen stiet, leau 'k, in herberge, dêr moasten wy to nacht mar bliuwe, tocht my. Jan hied er ek wol sin oan hwent hy wier wirch en ongedien, mar hy hie gjin reade sint yn 'e buse. Mar dy hear sei, dat wier neat: hy
17
scoe wol for hjar beiden bitelje. Hja kamen den yn 'e lierberge en dy hear bistelde in Hesse wyn en Jan bis telde ek in flesse wyn. Jan ealge it him al dalik, det de faem, dy hjarren bitsjinne, wakkere bidest seach, en do dy effen lit 'e keamer gie, sei Jan tsjin 'e hear: ,Dy faem het Invet op it gemoet, dat sjuch ik klear. As se aenstouns wer yn 'e keamer komt, wol ik hjar ris freegje, hwet der de reden fen binne.quot; — „Dêr heste neat mei fennedenquot;, andere de hear, „hwet leit üs der oan gelegen, ho 't dy faem sjocht. De wyn is hjir goed, der is 't üs mar om to redden.quot; — „Nouquot;, sei Jan, .,freegje wol ik hjar doch.'' — En dat died er ek. De faem woe earst net sizze, hwet 'er oan wier, mar Jan haldde salang oan, det einlings moast it'er wol üt, en do fortelde se dit: — „Det ik sa trürich sjoch,quot; sei se, „komt, om 'tit my om jimme bigreatet; Invent yn dizze herberge is 't gjin süver spil, en gjin minske, dy hjir binach-tet, komt hjir libbensliif wer üt. Jimme moatte witte, det hjir toalve rovers tahalde, dy de gasten nachts ütplonderje en feu kant meitsje. Hja hawwe my as jong faem hjir ynhelle, en ik woe wol graech hjir wei, mar ik doar 't net lieal bistean, om foart to rinnen. Invent den scoene se my ek formoardsje.quot; — Do de hear dat hearde, wier er wakker yn 'tgat bibiten en praette fen foart; mar Jan sei, as 't oars net wier, den scoe hy der wol mei redde. De hear mocht liipje of piipje, hy moast bliuwe; mar hy lammen-tearre doch safolle, det er biside en op bêd krüpe mocht. En do blean Jan mei de faem allinne en naem hjar fierder yn 't forhoar. Hy frege hjar: honear de rovers jouns thüs kamen? — „Om toalve ure hinnequot;, sei de faem. — Hwet se den diene? — Den dronken se eikmes in fiesse wyn. — Ef de headman fen 'e binde ek smucht op hjar hie en ef er wol ris mei hjar hoallefoalle? — Nou ja, det wier al sa, binamen as er syn tlesfol efter 'e knopen lue. — „Den is er neat to reddenquot;, sei Jan, „aste raar dochste Invet ik dy siz, en dat moaste, ef it scil dy rare wé op-brekke.quot; — De faem onthjitte dat. — „Den nioa,tste hinne
1H
geanquot;, sei Jan, „en jow lijar joun eikmes twa flessen wyn, yn pleats fen ien, en as se genöch ha, en de liaedman bigjint wer mei dy, den poestou it ljuclit üt en lit se den mar lierder mei enoar oanpiele.quot; — It barde de jouns al-legearre, lyk as Jan 'tbisteld lüe, mar sa ier wier't Ijocht net üt, of der bigoun in heislik libben. De smoardronkene rovers sloegen as earme helden yn enoar om, en dat durre krekt sa lang ont men mus of minske mear hearde. — „Stek nou 't Ijocht mar wer opquot;, sei Jan tsjin 'e faem, dy beide sa lang forside sitten hiene, — „den scille wy ris sjen ho de boel 'er foarstiet.quot; — ^Slou, dat kin men fen tinken wol ha. De deade liken fen alve rovers leine oer de flier; ien spinfoette noch en hie safolle bisleur, det er mei syn swird nei Jan sloech; mar Jan ontskürde it lüm en sloech him yn in swympslach de kop of. Det sadwaende wieme de rovers nou allegearre nei gichem. — „Is er yet mear onrie hjir yn 'e hüs?quot; frege Jan.
„Yn 'e keamer hjir neistquot;, andere de faem, „is in draek mei saun koppen, mar ik scoe jo riede en bisiikje it dêr mar net tsjin.quot;
„Wy scille de hiele keet hjir ris goed iitreagjequot;, sei Jan, „gjin heal wirk, dêr hald ik n't fen.quot; H}r naem it swird fen 'e rover, gyng op 'e draek los en sloeg him de saun koppen fen de ougryslike romp. — „Non scille wy lis in grap hawwequot;, sei er, en plakte de koppen der wer op, lyk as se sitten hiene. Do moast de hear óf 'tbed komme, en Jan brocht him earst yn 'e keamer, hwer de deade rovers leine. — „Sjugge jy, dat haw ik dienquot;, sei Jan, „mar nou is er nog in kreweike, dat komt for jo op!quot; Do brocht. er him by de deade draek, dy krekt like as er nog libben wier. Jlar de hear doarst syn eagen der net nei draeye en stau fen kjellens oer 't ein. Jan stelde him lykwol gerest, en tortelde ho de foarke yu 'e stok siet, raar joech him ta allyk iu omrake biskrobbing oer syn. bytsje léf. Eu hy lei syn kameraet goed op om er tsjin gjin minske in kik of mik feu to jaen, hwet er ütrjuchte hie; hy woe der
19
mar gjiii praet fen ba, sei er. — En do gongen se fierder.
* *
*
Hja kamen d'oare deis tsjin 'e jouu wer yn iu herberge, om 'er to binaehtsjen, Invent hja wierne 3ret op gjin dei net yn 'e keningssted. De kastlein for tel de hjarren, det er yet in herberge hie; mar der koe gjin minske bankje, om, it spoeke der nachts ougryslyk. Immen, dy fen sokke spillen forstan hie, hie him sein, det der moast trije nachten efterien in minske yn dy herberge oerblimve, en as er den it libben er öfbrochte, den scoe oan dy spoekerij in , ein makke wêze. Forskate dryste ljue hiene it ek al bi-socht, mar gjin ien fen hjarren wier der libben wer wei komd, en sa halde de spoekerij altyd noch oan. Jan sei tsjin 'e kastlein, det hy woe it den ek wol ris bisiikje. — „Nonquot;, sei de kastlein, „jy moatte it wite, as jy it op jon noed nimme doarre, ik haw 'er wol hwet for oer, mar oars stean ik for neat yn.quot; — ,Lit my mar bitsjenquot;, sei Jan. „Jow my mar hwet spillen mei, det ik der hwet hnswarje kin; hwet branje, in Ijoclit, in pot mei bislach, in stroupanne .... den kin 'k hwet stronkje, en in mannich flessen wyn om to drinken.quot; — De kastlein joech him dit ien en 't oar mei en ek noch in reade flag-, — dy scoe er d'oare moarns opbysse as er vet libbe, en den koe de kast-ein by him komine en fornimme ho it spil Gfroan wier. Nou, dat wier goed. — Tan gyng dè jouns nei 't spoekhns, sette fjiir oan, stiek it Ijocht op en bigonn to stroubakken, mar elte reis as er in strou yn 'e panne hie en dy miende to gripen, fleach dy üt 'e panne wei yn 'e skoarstien op. Det op 't lést joech er 't oer. Hy treastge him nou mei in flesse wyn en in pypfol tobak en wachtte ou hwet 'er komme scoe. Om middernacht op 'e klokslach öf waerd 'er forheftig op 'e doar bounze. — „Dy 't hjir wêze moat, kin 'er mar ynkommequot;, sei Jan. Mar hy hie 't net sein, ■ of de doar gong iepen, en hy krige sa'n onbidich wan-
20
bruyen, dat er yn 'e soes foei en sa lizzen bleau ont d' oare moarns ta. Do kaem er wer ta him seis, mar de hud die him net in bytsje sear. Hy wier lykwol noch safolle mansk det er nei hoppen teach en de flagge ntstiek. Do kaem de kastlein by him en hearde hwet 'er bard wier.
„Soarge nou mar, det ik hwet oare ythere waren krijquot;, sei Jan, „hwent oars krij ik jonn wer neat as in hüdfol bruyen; mar sitte litte doch ik it nou net. It barde d'oare nachts wer krekt en allyk as de earste, buten iiet er nou yet helte mear op syn baitsje krige en d' oare moarns bont en blau en gled üt 'e hjekken wier. Hy stiek nog wol de tlagge wer lit, mar it waerd him nou dóch maldernOch en hy soarge tsjin de earstkommende nacht oan. Mismoedich trape er it fjild yn om to oerlizzen hwet him to dwaen stie. Do kaem him in aid wyfke tsjin, dy frege him, hwet 'er oan skeelde en sa. Nou, Jan fortelde hjar syn wederfar-ren. — „As 't oars net is,quot; sei dat wyfke do, „den scil ik jo in goede rie jaen. As 'er to nacht wer op 'e doar bounze wirdt, den sizze jy: „Alle goede geasten komme binnen! Den komt 'er jo neat gjin kwea oer.quot; — Jan die, lyk as it aid wyfke him sein hie, e,n do krige erek gjin brnyen, mar in onsjenbere han krige sinen beet, en laette him yn in keanier der trije liken yn bierkleden oer de iiier lae3ren, en der deun by stie in kiste, dy oau 'e kop ta fol jild wier. — „Gean nou hinne,quot; sei de geast, „en biieirdigje dizze liken, nim fen dit jild ien part for jo, jow ien par-t oan 'e tsjei'ke en ien part oan de earmen, en gean den jo wegen; den scille de geasten rest ha en it lifts net mear bionres-tigje.quot; — De oare moarns liet Jan de kastlein komme, troch de fiagge lit to stekken en fortelde dy hwet wy witte. Mar do de kastlein dat bulte jild seach, bigreatte it him, det hy der neat fen hawwe scoe, mar hy doarst 'er doch neat tsjin ynlizze, to mear om 't er der wol in mouwe oan wist to passen, det it jild dóch yn 'e famylje bleau. Men moat witte, det de kastlein in alderiwichste tsjeppe dochter hie, en dy hie al safolle mei Jan opkrige, det dy woe mei him
21
trouwe. Jan sei, det er hjar ek wol ha woe, mar gy moast earst nei de kening, sei er, eu sa en sa. T)e kastlein sei, det hy moast dat nou mar bitsjen litte, hwent hy liie nou al safolle jild, det dy toalve sturen wierne der minder as neat by. Mar Jan hie 't absint foar him nomd en liet it him net ontprate om nei de kening to gean. Mar hj' ont-hjitte, det as er libben werom kaem, den scoed er de kast-leinsdochter trouwe, en oars makke er hjar alles ta. En
do teach er fierder, nei 't se 't sa steld hiene.
* *
❖
Deselde deis yette kaem Jan yn 'e keningsstêd, mar hy wier der sa ier net. of hy waerd as disserteur oppakt, krige de soldateklean üt en scoe deasketten wirde. Mar op it selde eagenblik krige er noch graesje en waerd him lijitten om by de kening to kommen. Pat died er, en do saech er det dy hear, dj- mei him reisge hie, de kening seis wier. De kening, dy syn libben oan Jan to tankjen hie, forjoech him alles en joech him in nij pak klean, dat er dalik oan-tsjen moast. En do wier er generael, hwent dat pakje wier in generaels-uniform, en Jan krige in regemint feu 'e kening, en hy troude mei de kastleinsdochter, en do trak-tearre er al syn folk; elk krige safolle as er lêstte, en dei-mocht dy deis gjin ien for dronkenskip straft wirde. En der kaem in baerch mei in lange sunt en dy blies it for-teltsje lit. Mar dy 't it lést forteld het, libbet yette.
Dl TRUE EIEDLIICTEI.
Der wier is in boer, dy liie op syn wringe stean: Altijd Gerust! Xou barde 't det de kening- dêr foarby ried en dit opskrift lies. Hwette? tocht de foarst yn kim seis, dy kearel is altiid gerest, wyls 'tik — de kening seis! — altiid troch soargen oer 't regear en sa, yn ünrêst sit ? 1 )at scil him de deale! ik scil him hwet to tiezen jaen, dêr 't er oer hersenskrabje kin, den scil 't mei dj7 altiid dürjende gerêstens sa ünfoech net mear wêze. Hy liet de boer by him komme en frege eft it wier wie hwet dy op syn homeije stean hie en eft er noait gjin üngerêstens bj' him hie. Üngerêstens? né Sire! andere de boer, der haw ik noait gjin lést fen. Doch? forfette de kening, dos den wytst ek n't hwet dat ynhaldt; mar den wirdt it tiid, detste dêr in proeve fen krijste. Ik scil dy trije riedlingen opjaen, en aste my net binnen trije dagen it antwird dêrop to witen doelist, deu scil ik dy in kop koarter meitsje litte. Harkje dérom goed ta. It earste is dit: Ho heech is de himel? it oarde: Ho djip is de sê? en it tredde: Hwer is 't midden fen 'e wrald? Nei 'ter dit sein hie, liet de kening de boer gean, dy nou for 't earst djip yn üngerêstens siet, om hy seach gjin müchlikheit to ginter tiid in antwird op dy fregen to linen, lit stean fen binnen trije dagen. Mar de boer hie in tige snoade dochter, dy seach al gau
det it mei hjar heit oars wier as oars en frege hwet er mei hini oan wie. Nou, sa en sa, andere hjar heit. As 't oars n't is, sei dy jongfaem, den hat lieit nearne net oer yn üngerêstheid to wezen: op dy fregen wyt ik it antwird wol. Hja sei bim dj- foar en de boer printte se goed yn syn ünthald. Foar 't de tnje dagen yet om wierne, stoep er nei de kening, dy 't liim dalik frege eft er nou it antwird op de riedlingen wiste. Ja, Sire! andere de boer. Lit ris hearre! de kening wer: 1. Ho heech is de himel? In gesicht, andere de boei'. 2. Ho djip is de sé? In stienwirp. 3. Hwer is 't midden ten 'e wrald? Do diich de boer in sprong yn 'e keamer en rop: Hjirre; en dy 't net leaue wol, kin 't mar gerest neimiette. — G-nap sein! andere de kening foldien, ik wol nou noch allinne mar wite eft-ste dy antwirden seis t'oun heste. De boer kaera er roun foi- üt, det syn dochter sa fornimstich wést hie. De kening sei, den moast dat t'anke ris by him komme, en do foun er safolle bihagen yn hjar, det er se ta syn wiif naem. It jong' frommis, dy nou keninginne wie, joech ek letter t'en safolle snoadens blyk, det. elk en ien der oer forwün-dere wie. — Sa wier d'iis in man, dy hie yn in herberge in restje seane aeijen bisteld, mar net bitelle, en sa stjurde de kastlein him dêr letter in rekken oei', dy wier lykwols fiers-en to heech.
Bigryp ris! hy hie rekkene: safolle aeijen, dêr koene safolle piken ütkomme; dy piken waerden den hinnen en dy leijen wer aeijen .... en sa hied er alles op wearde steld hwet dy aeijen opbringe koene; det it waerd in rekken, der wier gjin biteljens-ein oan. De man wegere ek om dy to foldwaen, en do kaem de saek foar de Ejuchters, dy, nei 't 'er grutte waerd, de easker wol yn 't gelyk stelle scoene. Do gong de oare, dy 't dêr al pine yn 'tlief oer hie, nei de keninginne en droech hjar de saek foar. Disse hearde him oan en joech liim rie hwet er dwaen en sizze moast. Do 't er den rjuchtsitting wêze scoe en de boer dêr in ure to let op forskynde, fregen hja him, wêrom as dat wie ?
24
De boer sei, dat hy liie earst beane koaitsje matten om to setten. Domme boer! waerd him to kalden jown, wolle seane beanen dan waecksje en frucht jaen? — De boer, d3T dit antwird wol forwackte hie, sei op syn bar: Domme rjuchters! kinne üt seane aeijen den piken komme ? — Dèr sieten de wize hearen, en moasten de boer fen rjuchtsfoar-dering fmtslaen. Dizze bitanke de keninginne, det dy hira sa goed ret hie, mar de kening wier d'r lilk om op hjar; as se mear sokke ried joech, den hiene syn rjuchters mei gauwens neat gjin kredyt by 't folk. Dêrom woe er fen hjar óf. Hja lei dèr net tsjin yn, mar frege allinne eft se wol alles meinimme mocht hwet hjarres wier, den scoe se wol nei hjar folk gean. De kening sei, dat wier him goed. Do liet hja de kening sliepgüd yn syn wyn jaen, en do 't er goed en wol under seil wier, naem se him mei yn 'e wein en ried mei him foart. Do 't de kening anderweis wekker wirdde en frege hwer 't er wie en hwet dit bitsjutte, andere hja: ik ha dj' meinomd, om ik mocht alles meinimme hwet mines wier en dou biste mines ek, hwent wy binne earliker wize troud. De kening, hwa 't it ek al moeide, dat er syn wiif yn in nijsgjirrige bui foartstjurd hie, lake oer disse ynfal fen hjar en naem hjar wer as syn wiif oan en mei nei lifts. En do hawwe se yet lang en lokkich libbe en as se net stoarn binne, libje se noch. Dy 't it lest for-teld het, is de mule nog waerm.
VI.
De trije Buehelden^
Der wierne ris trije broerren, suver gelyk feu skik en alle trije ek mei in buchel. Dy libben in tiidlang mei enoar foart, mar hja kiene it bittere krap; det ien feu hjarren sei op 't lést: by woe de wrald 3rn en sjen det er 't better krige. p]n dat slagge hini mei koarten ek, Invent hy troude in ryk wiif. Ho er dèr nou sa oankaem, wyt ik net; miskien dat hja ek onsjuch ef miswoechsen wier, en graecli in man liawwe woe, — 't kin ek wêze, dat hy sa leidich wist to praten, det men syn uterlik lek en brek oer de holle seach .... doch for fest kin ik hjir neat fen sizze. Dat is nou ek allike folie; hy troude lyk as 'k sei en waerd in ryk man. Syn earme broerren kamen nou foartoan üt en troch bj' him to iten. Mar dèr krige it wiif al gau hjar nocht fen en hja prakkeseare oer de menear om hjar earme swagers üt 'e wei to krijen. — Op in kear, dat hjar man nei de berberge wier, liet se syn iene broer by hjar forsiikje en de oare moast in healfire letter ek komme. Do joech se in sjouwersman, dy se al mei in goede somme bikoft en op 'e wjuw hie, de wink. Dy pakte de broer, dy 't krekt sa komd wier, by de lurven, treau him yn in greate koer en bruide him yn 't wetter, det er forsupte, en gong do himie om syn bileanning. Mar yn dy tiid wier de oare broer ek komd, en do sei it wiif tsjin de sjouwersman: woest my wys meitsje, detste de buchel
26
forsfipt lieste? kom mei yn 'e bus, dêr sit er noch. En ja man, dêr siet er, ef tominsten krekt syn geiikens. Do treau de sjonwersman dy ek yn 'e koer en forsnpte him. Do 't er in lieal fire letter wer by it minske oan hus kaem niette er by de doar hjar man, dy krektsa üt 'e lierberge werom komd wier. Fol binijing seach er rtisse oan eu sei: Wel, stom! sa kin 'kit net oan, ik ha dy al twaris forsfipt en non bist hjir al wer? Mar disse kear ontkomste my net wer! Dêrop pakte er de man ek by de lurven en bruide him by de oaren yn 't wetter, dat er forsnpte. It wiif sei: Och, hearink! nou heste myn man ek forsfipt. Doch it holp net, hy wier al dea. En sa kamen disse trije oan hjar ein. Dy 't it better fortelle kin, mei it dwaen.
^llephanne Ipelfejeg.
■VIL
IT LOKBIENTSJE.
In hear wier op reis gien mei syu teint en al in raoai ein fan Ms, do 't Mm eat bijegene, dér 't er alhiel gjin rekken op makke hie, lyk as ik jimme nou ris fortelle woe.
Jimme moatte dan witte, dat se net to foet reisgen ef mei de wein, mar op 't hynsder, tosizzen: eikmes op ien. Non barde it, dat it iene hynzer (de feint sines) onderweis in hoefizer forlear, sa 't it bist njunkelytsen bigoan to krepeljen. Dér moast dos yn forsjoen wirde en dêrom, do se by it has fan in smid oankamen, waerd 'er stilhal-den en it hynzer, dat bislein wirde moast, yn 'e needstal brocht. Mar de baes siet onder syn supke, dat er by de dei lans op teste uren plichte to bruken, om by hie al meast in fonk yu 'e kiel en dy moast er dan wer troch-spiele. Sadwaende makke er dalik gjin tarissing om oan 't wirk to gean. Dat dftrre nog al etïen en 't wachtsjen bigoan de hear to forfelen. Dêrom sei er einlings tsjin 'e feint, by woe mar stadich-oan fierder ride ont it neiste doarp ta. Dêr scoed er dan yn 'eherberge hwat pleisterje en dan moast de feint dêr by him komme.
Nei in foech ure riden wier de hear yn 't dorp en yn 'e herborge oankomd, en siet al skieik drok yu petear mei in stik ef trije ljue, dj7 't dêr sieten en — nei 't hja foar-joegen — ek nei stêd woene lyk as hy. Hja sloegen him
einlings foar om mei hjar fjouweren fierder to reisgen, hwant de feint wier yet net oankomd en dêr wier gjin waclitsjens-ein oan. De hear nam dat ütstel can, om it liken fatsoenlike Ijne. Hy liet it liynzer wer foarbringe en ried stapfoets fierder, hwant de oaren reisgen op 't skoenmakkersweintsje, ik wol sizze to foet.
Dy trije maten wierne alderaerdichste ljue en üs man hie in bjusteren nocht yn hjar selskip. Hy waerd al geande wei mear fortronlik mei hjar, tortelde hjar it doel fan syn tocht, fan syn frjeon yn 'e stêd, dêr 't er fan sins wier hinne to gean en hwat to iitfanhiisjen .... koartom, hy haldde neat for hjarren hinefter.
Sa pratende hiene se it doarp al mei gamvens efter 'e rêch, en de wei waerd ho langer ho ienliker. Dy trije kameraten, dy earst sa fatsoenlik reedden, krigen njnnke-lytsen sok nuver praet, dat üs man net wist hwat er der oan hie. Plja wierne wol like bileefd as to'n-earsten, raar 't wier krekt as se him op in fatsoenlike menear de gek oanstiken, hwer se hjar dan to-nuik oer formakken. Sa frege men ns man, eft er ek bygelowich wier, eft er hy-gelyks leaude, dat in lokbientsje, as men 't yn 'e sküch ef klomp by yen draegt yn wierheit lok oanbringt, yn safier, dat men dêrtroch aventur het om hwat to finen. Hja for hjar leauden d'r net oan, seijen se, en hja founen 't slean, dat er yet gnds wierne, dy men dat net üt 'e helle prate koe. Us man sei, dat er oars net bygelowich wier, raar hwat men fan in lokbientsje fortelde, dat wier siker-sonk wier, sei er, dat liet er him net ontstride, hwant dat hied er seis fakernoch onderfonn, en dêrom iiied er, as er op reis wier, ek altyd ien by him; dan wier er wis, dat er yn alle getallen in goed onderkommen for de nacht fine scoe, dat hie nog noait mist. Dêrop frege men him, ef er for dit pas ek in lokbientsje by him hie, en üs man sei fan ja. Dêr waerd wer to-mftk om lake en fierder net folie praet.
Men wier onderwyl oankomd by in gieate bosk, dêr de
29
wei hjar yn twaën fonlielde. De hear mirk nou for 't earst dat se fan 't i juclite paed rekke wieme en sei it tsjin syu kanieraten. It is wier, andere ien fan lijarren, dat dit de rjuchte wei nei de stèd ta net is, en dêrom scil 't goed wêze, dat wy hjir effen lialdert luilde. Wy hawwe ek yet in wirdtsje mei jou to forpraten, en dêr ha wy hjir skoan de gelegenheid ta, hwant gjin minske scil üs hjir biharkje. Wy hawwe merkbiten, sei er fierder — nei 't se stil halden hiene — dat jy yet a! bygelowich binne, om 'cjjr leauwe oan de deugd fan in lokbientsje, dat jy by jou hawwe, en dat is üs yn 'e wei, my en myn kameraten. Koartom, it is üs doel jou fan dy gikke miening foartoan alhiel to genezen, al meat te wy sadwaende jou ek fan in sure apel bite litte. In goed onderkommen for de nacht scille jy for disse kear net fine. Dêrom riede wy jou, gong stil wer nei hus. Mar om 't it by nacht noedlik reisgjen is, binamen for immen, dy 't jild-en-güd by him het, wolle wy üt goe-derbêst jou de müglikheit om ütplindere to wirden. bisparje. Alles hwat jou by jou ha, kinue jy hjir bliüwe litte; wy scille it wol yn feilichheit bringe. Hjir houd er him stil en seach syn maten, sahwat bys- en skarlünachtig oan, en de beide oaren knikten, sabeare dimmen en goedmoedich, om blike to lilten, dat se 't alhiel mei him iens wierr.e.
Hwat scoe üs man bigjinne? To let seach er yn mei hwa 't er to dwaen hie, en hy moast him wol yn syn lot skikke. Oan moed ontbriik it him net; mar ien tsjintrije wier gjin portür, to mear, om 't er gjin wapen by him hie. As er him forwarde, moast er ek for syn libben yn noed wêze, hwant dy trije snaken liken rounom ta yn steat. Hy liet it dos ta, dat se him syn hynzer, syn jild, ja sels syn boppeklean ofnamen, en wier yet bliid ta, dat se him fierder bitsjen lieten. De trije dieven gongen nou mei hjar büt er op of en fordwounen yn 'e bosk, dêr de iene wei mids troch roan. De hear folge de oare wei, sonder to witen hwer 't him dy bringe scoe, en Hokte op syn needlot en op 'eskarlunen, dy him sa sneu to-fiter hawn hiene.
30
't Waerd njunkelytsen tsjuster en kald en onlijich bfiten, hwant it wier djip yn 'e hjerst. Einlings kam üs man oan in hüs, dêr it ljuclit op wier, mar oanklopje doarst er net, om hy skamme him sa (amper sonder klean) foar 't Ijoclit to kommen. Hy joech him dos del onder in öfdakje efter 'e koken, hwer ek it Ijocht barnde. De kjelt waerd ho langer ho füleindiger en ek de honger bigoan üs man to pleagjen. Hy bjgoan lüdop to earmoedsjen, sa 't de faem it hearde. Hja, net bang fan in dea' rot, mar wol hjit op in aventür, stiik it skynfet op en kam bütendoar. Us man fortelde hjar sj-n wederwaerrichheden, en om 't er sa fatsoenlik reedde, en sa'n tsep uterlik hie, krige hja meilijen, liet him yn 'e koken komme om him to waermjen en war-sköge onderwiles de frou. Disse, in jonge en glêdde widdoii, siet yn :e keamer, pronkmoai forklaeid en by in tafel, fol fan 't kosselste iten en drinken. Hja wier dy joune folk to forwachtsjen, mar dy skynden wei to bliuwen, eat dat de frou net wakker sinnige, om 't it forfeelde hjar om allinne to wêzen, en hja wier krekt op wei om hjar dêr prot oer to meitsjen, do 't de faem ynkam en fortelde fan de fremde jongkearel, dj- 't sa hommels üt 'e loft fallen komd wier. Dat trof sa moai as 't koe, en hja hjitte de faem, om him in fatsoenlik pak klean to jaen (hwant der hinge yet in kastfol fan hjar forstoaine man) en dan moast er by hjar yn 'e keamer komme. It barde lyk as hja 't bisteld hie, en üs man siet al ridlike gau mei syn gastfrou yn petear en sloech hjar oer hwat him dy deis bijegene wier.
It tsjeppe uterlik fan 'e fremde, syn greate-ljuesmenearen, namen hjar alhiel for him yn, wyls't it aventur, dat er hawn hie, hjar bilangstelling for him yet mear geande makke.
Hy fan sj-n kant tocht al gau like ginstich oer hjar as hja oer him. De goede outfangst, dy't er hjir foun, de pronk en ütwrydskens om him hinne, it béste iten en drinken, de leidigens fan syn gastfrou, hjar tsjeppe troanje, hjar kante lea, keine balding .... dat alles wier wol ge-
81
skikt om to meitsjen, dat er gau syn ongelokkich aventür forgeat en it mar ris tige nei 't sin hie. Hy hie it dy joune as in prins, en do it eiulings bêdgongers-tiid wier, kam er op it pronkbed yn 'e nioaiste keamer to lizzen en forgeat yn swiet drögjen de aventüren fan 'e dei.
De oare moarns teacli er fierder en nei stêd; dêr foun er oan 't hus fan syn aide frjeon syn feint wer, dy er de joune fan to foaren al oankomd wier, wakker yn noed oer 'tlot fan syn hear en master. Mar hy hie al fan 'e moart heard en yet dyselde jouns it by de polysje oanjown. Dy hie d'r dalik by west en de dieven yet yn 'e bosk oantrof-fen, hwernei ek hja om 'e nocht onderdak krige hiene, mar op in plak, dêr se hjar allinne oan droech brea forite koene en fan de sinne net folie lest hiene. Us man krige syn eindom wer, en de dieven hjar fortsjinne lean. Einlings teach er mei syn feint wer nei hüs. Onderweis tocht er d'r oer nei, ho it gelowe oan syn lokbientsje him ek diss'kear net bidra-gen hie, al ho min it er earst mei him foar like to stean.
Hy waerd it al gau dèrop iens mei de moaije widdou, en yet efkes letter wierne se troud. Sont dy tiid gongdy hear net jamk mear op reis, mar as se yn lettere jierren skylfisk op tafel hiene, dan sei er tsjin syn twa Ijeave berntsjes — in jonkje en in famke —: „Dy bientsjes lit 'e siden fan 'e fiskkoppen moatte jimme net weismite, berntsjes! mar doch se yn 'e klomp ; licht fine jimme dêrtroch eat, hwat jimme yn letter libben fan pas komt. En as de bern dan fregen en seijen: Het heit dêrtroch dan ek wol ris hwat foim ? dan seach er syn Ijeaf wyfke minlik oan en andere: Ja, Ijeaven, in skat haw ik 'er troch foun en yet hjoed de dei makket dy my ta it lokkichste minske op 'e wrald. En dan knikte hja him frjeonlik glimkjende ta en de bern seijen yn hjar onnoazeiens: Dan scille wy dy lok-bientsjes biwarje. Heit! Faek fine wy yn letter tiid dan ek sa'n skat as dêr jy nou sa lokkich troch binne.
Sont is it gelowe oan de deugd fan in lokbientsje alge-mien woar'n en libbet yet hjoed de dei onder 't folk foart.
VIII.
Ho it Haüie-lioer Ofgoiii), do't er p't ieiienhier sprekke scue.
Neist in goed tweinticli jier bistie d'r in Westerburren in Selskip, dêr de foarnaemsten üt it doarp lid fan wierne, en dat binamentlik ta doel hie om trocli it balden fan foar-dvacliten fan tiid ta tiid in nocblike joun to bisoargjen net allinne oan 'e leden, mar op fêststelde tiden ek oan elken-ien, dy d'r nocht oan Ine om dêr hinne to gean, en 'er in kwartsje yntré for oer liie.
Nou fan dat Selskip wier Halbe-boer ek lid, tosizzen gewoan lid, mear net. Dat er net as arbeidsjend lid oan-nomd wier, stiik him wakker yn 't knin, hwant hy byldde him yn, dat gjin ien moaijer foardrachten halde koe as hy, ongelokkich for him wierne d'oaren net fan dy miening: foarearst wier er mar in beuker fan in mantsje; dêr by seach er altyd, eft er d' iene op hie en d' oare krije scoe as se net mei genóch biwondering nei him harken en yet mear as se om him gnysken, hwat bast iderkear bard wier, sa faek as er yn 'e praetstoel plak nomd hie om to sprekken. By sa'n gelegenheit koe men neat fan him sjen as de holle, en de stikken, dy 't er mei nuvere each-en wê-zcn-forlfikingen to foaren tsjantere, wierne howol yn syn each folmakke, net geskikt om syn tahearders to formeit-sjen. Sadwaende foei dan al de oandacht op syn lyts per-
33
soan en syn nuvere gebearten, en koe nimmen it laeitsjen litte.
Dat nam net wei, dat er aloan wer soebadde om ris jai 'e praatstoel talitten to wirden en syn eigenraakke stikken foar to bringen. Non einlings waerd him dat for in kear wer tastien. en men stelde him dêr to boppe yn iitsjncli, dat as er't goed makke, dan scoene se him faek letter ek yet as arbeiddsjend lid oannimme. Dat léste ontliiit wier Ij'kwols kleare bare gekoanstekken, mar Halbe-man nam it for efte mint oan.
De neistfolgjende gearkomste wier in bütengewoane, der ek fronljue by talitten waerden, en Halbe-man sette him onbidich to-skrip, om in moai stik for dy jouns ré to haw-wen, dat de fronljue ek sinnigje koe, hwant hy pandoerde d'r op om ek by hjar yn in goed bledtsje to reitsjen. I\Ien koe noait witte, liwer 't goed for wier, tocht er, om hy roan yette op frijersfoetten, en sa lyts as er wier, siet 'er moai skiklik fronljues-tiesk oan him. Alleman formakke him al by foarrie oer de nuvere stikken, dy 't Halbe fêstdyjonne wer foardraeije scoe; hja hiene him dan ek allinne talitten om hjar, sawol yn wierheit as by menear fan praten, op syn kosten to formeitsjen.
Sadré er yn 'e gearkomste forskynde en yet foar 't er oan 't wird rekke, wierne hja d'r al mei bigoan. „Hwat docht dat poarre hjir?quot; sei 'er ien om him to nytgjen. „Kom, kom!quot; andere dêrop in oare'n, dy't yn't sin hie him hwat fan 'e luid to sknrren, „dy man heart hjir like goed as wy, hwerom him to hjitfalgjen? Hy hie 't sa goed foar, en woe om to begjinnen foart fiif Hessen wyn jaen: sa wier't ommers ofspritsen, wel aide?quot; En Halbe, howol 'er neat ofspritsen wier, andere reslvit wei: „Ja, wisse! der bin 'k gjin houn oer.quot; Hy joech se dan ek, howol er ynwindich nidich wier, mar hjr tochte, ik wol it foart net mei hjarren oan 'e stok ha; earst myn foardracht en dan scille wy ris sjen, eft se my yet de gek oanstekke doarre. Hy mocht lyts wêze, bang wier er net, en as se
R4
mei him bigoannen, en 't op fjürslachs deilisskip ütdraeide rekke syn partij d'r for 't minst noait sonder to-roppe klean ou.
Einlings foei de hammer fan 'e foarsitter op 'e tafel en Halbe rekke oan 't wird. Wonder boppe wonder, en tsjin alle forwachting yn, syn foardracht foldie disse kear skoan. Do 't er 't stik lit hie, winske alleman him gelok, dat er 't sa moai makke hie. Hy miende alderdigerst to bimerken, dat ien fan de frouljue, dêr 't er froeger al ris in hlauw-tsje by oproan hie, him non frjeonlik oanglimke. Dit iene mei 't oar makke him de holle sa oerstjnr, dat er op 'e faem tafleach om hjar to tütsjen. Mar dy drystens kam him djnr to stean en waerd de oanlieding fan alle ongelok, dat him disse joun bijegenje scoe. Yn pleats fan hwat er winske krige er fan de faem in lawibus oan d' earen, dy 't raek wier, sa 't er oer 't ein trndele en om sj'n forstan socht. In boekje, dat er yn 't jaske bus hie, foei der dêr-troch nt en laei oer 'e groun. Wyls 't de oaren laken en üs man oer ein klaude, Me in oaren-ien syn boekje al op-krige en snüfde dat ris troch. „Dat is ommers it stik, dats-te joun foarlêzen heste,quot; sei dè man einlings, „en dat lijitte moast, dat-s-te 't seis optocht hieste.quot;
Nou wier 't opklearre, hwerom Halbe jounich sa'n moai stik hawn hie, en by skamme him ta de teannen üt. „Dat lychste!quot; bialtte er. Mar de man, dy'tit boekje hie, joecli it bidaerd syn bürman oer, dy in kop greater wier as hy en hwa Halbe, wegens syn lytsens, it net ontskurre koe. Sa gong it boekje de rige lans fan d' iene ban yn d' oare, en ho mear war it lytse mantsje die om syn eindom wer to krijen, hwat mear d'r lake waerd en hwat purder hy wirdde. Us man griip nei syn hoed — sa'n greate fiifkop, wiid van boppen en nei onderen nau ütrinnend, lyk as do moade wier, — hij sette dy op en woe de doar üt. Mar hy birette him en kam werom, doch de hoed haldde er op.
Onderwyl wier it boekje oanlanne yn 'e bannen fan Sible Kealleboer, in kearel fan great seis foet lang. Halbe rikte
35
liim krekt can 'e mil ta. Mar howoi dy man him wol meitsje en brekke koe, Üeacli Halbe. nou for goed nidich woar'n, op him ta om him it boekje to ontskürren, en do dat net slagje woe, büke er purr azen mei de fusten op Sible om, hwer 't er him mar reitsje koe. Fierder as de mil koed er lyk-wols net komme. Sible krige, lyk as to begripen is, al gau S}'ii nocht fan dy terskerij en sloech, batsdy! Halbe op 'e kop, dat er oan 't kin ta yn 'e hoed wei rekke, en joech him yet in skop, dat er yn sittende balding oer de flier to-lanne kam.
Dat joech in spil fan gewelt: laeitsje, dat se skodden! en dat boaze ho langer lio mear oan op it sjen fan dat lytse mantsje, dy 't forgeese war die om üt 'e hoed te kommen, en mei earmen en skonken om him hinne maeide as in skermman yn 'e stoarm. Derby liet er in gegrans hearre as in bear mei de mülban om, hwant hy wier pnr fan eangst en lilkens en koe boe of ba sizze, ja de siken biset-len him.
Einlings rop 'er ien: „Help him üt 'e hoed ef hy smoart!quot; En dat hie op 't lést sikersonk oangien. Do oan't luken; mar de hoed siet mürrefêst; de noas kearde it jin, as men de hoed omheech luke woe. Ien fan de frouljue hie ge-lokkich in skjirre; dy waerd 'er by to pas helle en de hoed fan onder ta boppe opsnijd. Do for't earst krige bukeman wer lichten; mar de noas wier him skyld, it bloed roan d'r üt en de man wier yette pur. Hy woe begjinne op to spatten, mar syn lüd stoar wei onder it gierende laeitsjen fan de omstanners. Einlings haldde dat op; men joech lis man hwat Berenburg om to bedarjen, en dat smakke him nei al dy alteraesje sa goed, dat er dêr yet forskate oerhiune kofte. Eu sa kam er de jonns thus sonder hoed, mei in skylde noas, in stik lead op 'e holle en lilkens yn 't gemoet.
Ien ding bleau er fan oer: dy stoarje hie him ta'n of-lear wést, noait gong er wer üt om yn in gearkomste to sprekken. En om 't er dêr ek gjin talint for hie, wie' dit de wiiste wei.
IX.
BllAM 01 WIlElSIf ?
Der wier ris in man, dy wier warber en goed en hy hie in flink wiif, dèr 't er skoan mei koe, en as in oar nei de herberge gong, dan bleau hy thus. As feint hied er sa net west; do mocht er graech i's nei de herberge gean om in snpke en om in spiltsje kaert; mar dat like er nou forgetten. Ongelokkich for him krige er in oanstjerte, sa'n goed twa tüzen goune. Dat scoe for mannich-ien oars in gelok west ha, — mar lis man wist syn rykdom nin ein, joech it ar-beidsjen oer en libbe ut 'e wisse. En om 't er him nou thüs jamk forfeelde, kam syn aide wenst wer boppe. Hy bigoan wer to herberch-rinnen en to kaertspyljen en kam jouns jamk mei in stik lead op'e holle thüs. As er dan d'oare moarns to-wekker waerd, wist er fan neat ef it kam him allegearre foar as in droch, hwat 'er de joune to-foaren bard wier.
Dy omstannichheit nam syn wiif, hwa 't syn halden en dragen al lang yn 'e wei west hie, to-baet om him op in nij en for goed fan 't süpen en spyljen to genezen.
Nei 't er op in joune wer ut é herberge mei in tige ru-zige holle thüskomd en op bed gien wier, wirdt er cte moarns to-wekker en sjucht wakere forheard en ontheistere. „Och, liearink!quot; seit er tsjin syn wiif, as dit gjin dream is, dan is 't nou binaud!... Sjuch, ik dröge to -nacht, ik siet
R7
op 'e joun yn 'e lierberge en hie ljrts twa tüzen gotme jrn 'e Mse. Do kam 'er in fremd persoan by my; dy en ik bigoannen to kaertspyljen en it dürre net lang, do v/oan er my alles óf....quot; „-Ta, wier 't mar in droch!quot; suchtte syn wiif, op hjar wize tige forslein, „doch it is mar al to wier; non binne wy earm lyk as tofoaren en der yet slimmer oan ta, hwant nou biste derby ek fan 't arbeidsjen óf wend..It wier üs man as er in slach foar de holle krige, do er dit hearde. Hwat er miende dreamd to haw-wen, wie dan wier!... Fan skamte en djip birou bleau er d}' deis op bêd, en hy biwondere yn stillens syn wiif, dat dy him net yn 'e ófgronn forwinske, lyk as er fortsjinne hie, nei 't er tocht.
Mar it wyfke krige de skat, dy yet goed biwarre wier, stil üt it kammenet en brocht it jild op in oar plak yn fei-lichheit.
Hjar man wier en bleau fêst yn 't gelowe, dat eritalle-gearre forspile hie, joech bim d' oaredeis wer oan den arbeid en waerd wer iiitich en warber lyk as tofoaren. Troch sa to hanneljen socht er ek by syn wyfke wer goed to meitsjen, dat er hjar mei yn 't leech herd hie, lyk as er miende, en nammers to mear wier er d'r op üt, om 't hja dêr sa fordildich onder bleau, en him gjin forwitings die
Sa krigen se wer in skoan libben to-gearre ont se al-der waerden en it arbeidsjen de man bigoan to ontkom-men. En om 'ter do for goed genezen wier, fortelde it wiif him einlings ho se him yemmels, mar ta syn eigen bést, to-fiter hawn hie, en dat hjar kaptaeltsje yet goed en wol biwarre wier. Do wier üs man sa bliid as in protter en priisge syn wyfke om de snoade ynfal, dy 't se hawn hie, hwer troch hja nou op hjar aide dei yet sa lokkich bi-soarge wierne.
De Bifajoende Parbeam.
Dpi- wier ris in hear en dy hie in faem om de luishal-ding for him waer to nimmen. Nou wier dy In'ishaldster in tige tsjep frouminsk en dy hear liie vet sa'u min gesicht net, ef hy koe dat ek wol sjen. Troch dy wei krige er al gan smicht op hjar en woed er üt of yn net lije, dat se ris in frij er krige. Mar om hjar ta syn wiif to freegjen, dat kam net .yn him op. Dêrfor seach er to heech. Dat hie de faem wol yn 'e rekken en dêrom woe se ek neat fan him wite. As in fatsoenlik frouminske, lyk as hja wier, hie se Ijeaver in earlike forkearing mei ien ut hjar stan en dy hjar miende. Koartom, hja krige forkearing mei de feint en 't plan wier, hja scoene de lapen by enoar smite sadré se togearre in bistean hiene. Mar hja lieten hjir tsjin nimmen eat fan skine — dat dy hear it net wys wirde scoe — om, hja wisten wol, oars wierne hjar kcnyn-tsje-dagen hjir nt, en hja hiene yet neat om seis de hiis-halding op te setten. Lokkich for hjar bleau disse fen dy frijerij onkindich en de measte part hiene der ek gjin erch yn. Mar der wier doch ien, dy er eat fan mil ken hie, en dat wier in goe' frjeon fen de hear, dy er wol gan ris oan hüs kam. Dy goe' frjeon wier in bjuster aerrich man, ef eintlik in rare bruijer; hy wier mei alle ljue gemien en in earste bysfeint, dy altyd nocht oan grappen hie. Sa makke er wol gan i's in praetsje mei de feint.
„Jongequot;, sei er op in kear tsjin disse (hwant h}- woe
39
him ris tantsje), „'t fait my of fan dy, datste yet net mir-keu heste, ho'n gnap fiommis jimme Imsfrou-faem is. My tocht, do hieste hjar al lang ris in uitsje ontstellen.... Scoest' dat wol dwaen doarre ?quot;
, Ja wis wol!quot; sei Jan (sa lijkte de feint).
„Ek wol as dyn hear der by is ?quot;
„Non dat wit ik sa lyk n't.quot;
„Dat scoe'k, as 'k dy wier, ek mar net onderlizze, hwant, den scoe dyn hear wis tige lilk wirde en dy foart jeije.quot; „Sa mal scoe 't, tink ik, yet net komme.quot;
„Nou, harkje ris: aste hjar in tütsje jaen doarste, dat
dyn hear it sjucht en hy wirdt er net lilk om, dan........quot;
„Nou, hwat dan
„Dan krijste fan my tüzen goune; raar ik wit wol foar-üt, dat ik se dy net ta hoeg to tellen.''
„Om tüzen goune, dat ik it doch.''
„En dyn hear scil net lilk wirde?''
„Hy scil'er net lilk om. wirde.''
„En honear scil it wêze ?
„Hjoed yette, as't Mynhear goed is. Ik haw er al hwat op bitocht om de tüzen goune to fortsjinjen.''
My is 't goed . .. dos hjoed . . . öfpraet.
De goe' frjeon lake al by foarrie om de grap, dy er bilibje scoe en Jan lake ek, hwant dy tüzen goune liken him moai ta. Mei sa'n somme scoed er der üt wêze en syn eigen man wirde kinne.
Harkje non goed ta, frjeonen, hwant it nioaiste komt yette. De oerdeis sieten se mei hjar trijen yn 'e tün onder it skad fan in parbeam to thédrinken. As ik siz mei hjar trijen, dan mien ik: de hear mei syn hüshaldster en do goe' freon. Jan wier dêr in eintsje of en pielde üt skyn sahwat om. Mar hy seach üt en troch fan syn wirk op en nei de faem, om hy hie hjar al mei syn plan bekhui makke en hjar ynskünd Invet se sizze moast.
Do er hjar dan sabeare sonder erch foarby scoe om yet eat tu bioarderjen, róp hja him en sei: „Hea Tan, dêr hingje
40
yet sa'n pear moaije kykapels, parren mien ik, dy moaste al for us ploaitsje.quot;
„Jonge ja,quot; sei de liear, „dat moat wêze. 'l'o Jan, du kinste j^et wol kladsje.quot;
Jan kleau as in kat yn 'c, beam, mar do er de parren plóke hie, bleau er stil op in tüke sitteu en seacli de ljue oan, krekt as er biskamme wier.
„Nou,quot; sei de hear, „lio is 't, bist fan sins om dér hjoed to bliüvven ?quot;
„Mynliear,quot; andere Jan, „itjinge ik sjucli bikomt my sa nij, dat ik er al hiel fan üt'e mikke bin. Ik kin siker hast net del komme, sa sit it 'er my fan yn 'e skonken.''
„En hvvat sjuchtste dan, dat dy sa oerstjur makket?quot;' frege de hear binijd.
„Moat ik dat ek yet sizze? Fij, mynliear, jy meije jou skamje, dat jy lijir by Ijaclitskyndei en foar allemans each mei de faem sitte to frijen. Dat hie 'k net fan jou for-wachte.quot;
„Hwut seist' dér, smjeont? Ik mei de faem frije! Ho krijgst' dat yn 'e hersens?quot;
„Wel ik sjuch it ommers foar myn eagen en ... oars ha 'k it my sa sterk forbylde.''
„Mar dat is ommers net mülk!quot; sei de hear. „Soks kin nin ien him forbyldsje, of hy moat pur sljucht wêze.quot;
„Ef de parbeam moast bitsjoend wêze, dat scoe ek wêze kinne,quot; sei de faem, — hwant hja hie hjar rol goed fan buten leard.
„De parbeam bitsjoend!quot;
„Ja, ik stel bygelyks de parbeam is bitsjoend, en nou kin immen, dy 'er yn sit, him dêrtroch wol forbyldsje eat to sjen, dat yn wierheit net bart.''
vDat moat ondersocht wirde!quot; röp de hear, dy in bytsje lichtleauwich wier.
Dit sizzende klantere er seis yn 'e beam en do er dèr boppe yn siet, sloech Jan de faem de hannen om 'e hals en tutte hjar, dat it klapte.
41
„Jan?quot; rop de hear üt 'e beam, „siz my nou op dj'n consjinsje Of, frijste dêr mei de faem of net? ik kin net oars sjen as datste dêr drok mei loset biste.quot;
„Ikke? né, inynliear!quot; andere de feint, sabeare onnoazel, „dêr tocht ik like min om as om de ure fan myn dead.quot;
„Nou, dan ha 'k it my mar forbylde, en dan giet it my krekt lyk as dy uiisquot;', sei de hear wer, „mar dan is 'er ek gjin twivel oan, dat de beam bitsjoend is. Jan, jonge, ik forjow it dy, datste my mis sa onrjuchtfeardich bitige heste dü koest' it net lielpe, — mar dj' beam sell 'er lit.quot;
Jan hie lykwols mei de faem frijd en de hear hie 't sjot-n en wier 'er net lilk om woar'n, Invent hy miende, dat er 't him mar forbylde hie. De feint hie dos de tuzen goune earlik woan, en de goe' frjeon haldde syn wird. Hy joech dy somme oan Jan en disse troude al gau dêrop mei de faem. Do earst waerd de hear wys ho se him to-fiter hawn hiene en hy skamme him om syn eigen lichtleauwigens.
XI.
jSrOARJE FAN TOMKE, In forteltsye for de Hern.
Dér wier ris iu man dy wier boer en syu wüf wier boerinne. Dy ljue liiene jrjin bern en lija woene sa like graecli ien ha. Mar einlings en to'n lésten krigen se döch hjar sin. Op in moaije dei yn Maije biocht deskü:e-boer hjar in boike, en do wierne ns ljue sa bliid, dér wier d'ein fan wei. Mar sa onnoazele lyts as dat boike wier, dér witte jinune gjin toarbyld fan: hy wier nammentlik net greater as syn heite tomme. Dêrom tocht men, liy moast mar Tomke hjitte, dat wier in geskikte namme for liiin, en sa waerd er dan ek doopt. Hy moast ek yn 'e klean fansels, en Mejn makke him in kreas pakje, dat er ek lang drage koe. Fan in iken bléd makke se him in hoed mei in moai brede raiine, om 'e sinne. In himdtsje fan sêfte spinreage krige er oan en fan de ripe plom fan stikels waerden hoaskes fur him breide. Syn broekje, dat lit in apelskyl makke wier, siet him sa kreas as in kriiis-bei. Dan krige er yet in pear skoechjes üt in mfizefVl en dérmei wier 't klear.
Sa oanklaeid stoep er parmantich de doar üt en joech him by d' oare bern op 'e strjitte, — hwant do 't er in heal fjie aid wier, koed er al rinne. Allerhanne Hinken sette
43
er der dan ut, en as er it to bot makke, dat men him et-ternei siet, dan kroep er forside yu d' oare jonges hjar büsen. Mar soks bikam him ienris min, hwant hy kam yn in hontene griffelkoker to-lanne. Hja diene it dopke d'r op, en do siet er fêst. Hy rekke wol wer frij, mar 't wier him dêrom foart net forgetten. Sahwat hiene se him net om 'e nocht bakt, en hy scoe se d'r wol tor helpe. Hy die de bern fan alles foar, dat se him net neidwaen koene, en om 't se 't döch bisiikje scoene, sa 't er tocht. Mar as se 't bisochten, dan briik 'er faek ien in earm ef in skonk of krige oars in reis. En dan Tomke hird nei hüs, en Mem sh'itte him op, dat se him net bisette koene.
Yn 'e slachttiid, do 't mem oan 't woarstmeitsjen wier, moast er foaroan mei by, hwant sahwat hied er nog noait sjoen. Mar 't ongelok woe, dat er yn 'e. panne mei woarst-Üesk foei, en Mem dikere al wakker, mar koe him net wer fine — sa rekke er yn in woarst. Mar do dy mei oer 't fjür kam, fieach de hiele boel ta de pot üt en oer de flier. Mem tochte, dat wier gjin suver spil en joech de woarst gau wei oan in skearsliper, om dy kam krekt oan 'e dear. Dy treau se yn 'e sek, dy 't er op 'e rêch hie, en töge d'r sa mei foart. Do t' ei lykwols oer in hikke kleau, kfim Tomke ut 'e woarst en pjukte him yu 't fel wyls 'ter sei: Hwat scoest nou, heite? Dêr waerd üs man sa alderheis-likste kjel fan, dat er 'top in rinnen sette en om sek ef woarst net mear tocht. Mar ïomke kroep gau üt 'e sek en teach woltomoede wer nei hüs
Op in moarn nam Mem him mei nei 't lan to meltsjen; dêr boun se him oan in stikelpolle fêst mei in tried, dat er hjar net ontkomme scoe, hwant it waeide ek yet al gans. Mar o hea! dêr kam in kou oan; dy friet de stikels op en Tomke-man mei. Do 't Mem 'er by kam wier 't sté kald. Wiles kralde Tomke yn 'e kou hjar liif om en narre se sa lang ont it earme bist bigoan to koarjen.
In setsje letter tochte Heit, hy moast him hwat oanslach jaen en nam him mei te ploechdriüwen. In swypke fan in
44
hjouwerstrie krige er 3-n 'e lian. Mar hj- rekke al gau to fallen en yn 't kluterige Jan to-siik. Do kam er in skier-kert, dy pikte him op en liet him efkes letter wer falie, krekt boppe in stins en ta de skoarstien yn.
Op dy stins wenne in reus; dy slokte it bnike wer yn, mar foart dêrop spuide er him ek wer ut, en yn 'e sé.
Do hapte in greate risk him wer op. Dy fisk waerd fon-gen en oan 'e kening brocht. Sa kam Tomke oan 't hof fan 'e kening en dér brocht er fierder syn libben to'n ein.
Och, hwat hied er 't der bést, by de kening oan 't hof, hwant elk-en-'en wier dêr like mal mei him. Nou, hy die ek fan alles om se to formeitsjen, hwant kinsten forrjuchtsje, koed er omraek. Gong de kening d'r op üt, dan moast Tomke mei, en dan siet er foar him op 't hynsder yn 't bi-klaeisel fan 't seal. As 't dan bigoan to reinen, kroep er bisküle, troch in knoopsgat de kening op it boarst. lenris, do 't er wer sa smuk dêr siet, frege er de Foarst om in jifte. Syn alden wierne earm, sei er, dêrom woed er sa-folle silverjild for hjar hawwe, as er mei skik toaije koe. Doch lean mar, dat er gau genóch hie. In dübeltsje wier for him al gans in dracht, 't Wier oars mar in foech heal ure geans nei syn alders hus ta, mar Tomke roan d'r twa etmiel oer. Hwat moast er onderweis switte, en hwat wier de stumper wirch, do er eiulings thiiskam.
De aide minsken wierne wakkere bliid, do se it boike werseagen: hy moast earst efkes op Memme skirte om to bikommen, en do sette se him yn in nütsdop by 't fjür. Hy krige in iiazzeniit to iten; dêr hied er oars for fjouwer wike genoch oan, mar nou waerd dy yn trije dagen bihim-mele, hwant dêr wier skroei. Troch dat oerstallich iten waerd er onhjirmelike siik; soks die't, dat er gans in toarn thüsbleau. ]\[ar hy wier sa ier net wer better, ef hy krige sa'n swiden langst om wer nei 't Hof, dat hy woe wer foart. Mar it wier yn April en bywilen bare onlijich, dêrom seach er tsjin 'e reis oan. Op 't lést nam Heit in blaespiip en bloes him yn ienen der nei ta.
45
Dêr wierne lija bliid, dat se Tomke werseagen. Hy woan it altyd fier wei en koe alleman oer, as 't er op oan-kani om kriick en retsummens to toanen, en dêr wier nou krekt skoan gelegenlieit ta. Hirdrinnen en oare spillen, fan alles wier er nou to dwaen oan 't Hof, en Tomke koe altyd fierwei best. Op 't lést kam er lykwols ien, dy wier dat yn 'e wei, en dage Tomke om mei him to wrakseljen.
Doch mar amper wier de striid bigoan, do deach it feintsje dwers troch 't hynsder fan syn partij, foar yn en efter wer lit, en sa rêd gyng dat yn syn wirk, dat alliime de kening en de keninginne it seagen. De léste wier dêr sa oer foldien, dat se him in ring presint joecb. Dêr sprong er sonder kantroeren troch, krekt as ien yn 't pear-despil troch in hoep. Yet mear diich er, hwer 't er alleman pyk mei sette, mar dat fule skrippen oer syn meuch koed er op 't lést net mear nthalde. Hy rekke al skieik yn 'e pogge. De kenings master waerd er al gau by hel Ie. Dy hie in brul, dêr 't er it lytste en fynste troch biloaitsje koe. Dêr biseach er him it tonkje troch; mar dêr wier neat oan to dwaen.
Tomke siikte boaze bird oan, syn lytse lichem waerd linkenwei lytser, sa 't er op 't lést mar skraech mear to sjen wier en mei gauwens joech er 't op. Kik moide it om it boike; fjirtich dagen lang wier men fan him yn'e rouwe. In sierlik iithoude stien waerd 'er op syn grèf set, en syn namme bleau yn oantinken ont hjoed de dei.
XII.
LYK OM LYK.
Tsjerk Retsum, in gernier üt 'e Walden, wier nést in wike ef liwat troud inei in kreas en hiramel jong wyfke, dér 't er ek tige mal mei wier. Non, Berber, — kwant sa hjitte hja — wier mei hjar man ek tige forgilde en noait blider as dat er jonns mar by hjar tlins wêze koe, nammers to mear, om 't dit net sa jamk barde; kwant Tsjerk hanrele ek yn sieden, en wier trocli dy wei al folie fan honk. De saken gyngen dóch foar. Mar as er 't skikke koe, wier er ek mar Ijeafst by syn wyfke thus, en dan hiene se togearre alle wille. Dat nam lykwols net wei, dat se de ljue, dy hjar ris forsochten, dóch frjeonlik onthellen en 'er wol oer mochten as :er ris ien ef mear fan 'e burljti oerkamen to praten.
Sjerp Slynsma en Greult Strün, dy ek beide troud wieme, kamen wol gau ris in joun by Tjerk-en-hjar to frjeonsprek-ken en waerden dan altyd tige let en set, hwant Tsjerk hie nog al hwat ginst fan hjar. Nou liiene dy beide frjeo-nen dat oer hjar en kamen dêryn oerien, dat se oarljues frouljue Ijeaver skynden to hawwen as hjar eigen, binamen as dy moai tsjep en leidich wierne.
Sa smieten se al gau, sonder fan enoar to witen, eagen op Berber, en om 't dy altyd like frjeonlik tsjin hjar wier, rekken se yn 'e forbylding, dat it jonge wiif maklik to for-lieden wêze scoe. Hja kamen dos ho langer ho faker en dan meast as Tsjerk om utens wier. Nou kam Sjerp en dan Greult en soms allebeide tagelyk. Dan hiene se aller-hanne flünske praetsjes, hellen swiere siken op en stinden
47
en knypeagen, allegearre om Berber tiele to litten hwer 't hjar om to dwaen wier.
Tt jonge wiif hie der to'n-earsten gjin erch yn, tijunke-lytsen bigoan se to twiveljen en einlings waerd it hjar klear liwat dy beide siuishoannen mei hjar woene, en non skruten woar'n, klage se Tsjerk lijar need.
Dat Tsjerk pnr wier, do 't er alles wiste, kin men wol tinke, liwant hy woe syn parren net fan in oar bitomke ha, en hy nam foar him, dy beide skarlnnen for goed to plak to setten en 't hjar yn te drnijen, dat se syn wiif foartoan gewirde litte koene. Dat moast lykwol barre sonder opskür to meitsjen, hwant as in oar it to witen kam, scoe Berber ek oer allemans tonge gean en hjar eare en goede namme der onder lije. Hja iiie lijar seis yn dit stik wol neat to forwiten, mar ho giet it mei de rabberij? — de ouskuldige moat er trochrings it meast om lije.
Mei hwat oer en wer praten hiene üs jjue einlings lijar plan klear en waerd dit al gan dêrop to'n litfier brocht. Ho en op hwat wize, scil ik non fortelle. Op in joun wier Tsjerk sabeare fan lifts gien. Berber hie de deis Sjerp en Greult de wink jown, dat se komme koene en disse lieten net op hjar wachtsje. De beide gasten scoene mar ris tige onthelle wirde, sa 't like, hwant do se yn 'e hfls kamen, stie der fan alles op 'e tafel en Berber moai forklaeid 'er by. Hja wier sa frjeonlik dat! en noege ns beide manljn üt om mar by to skikken. Disse wierne alhiel yn 'e bladeren en tochten net oars as nou wierne de rapen gear. Mar och hea! wyls't men tarissing makke om oan tafel to gean, kloppe der hwa oan 'e doar. „De doar op 'e skoattel!'' ropen Sjerp en Greult tagelyk. „Né, sei Berber, hwant dy dêr kloppet is myn man. Hy moat jimme hjir joun net fine; knip forside, hjir yn 'e kast, gau!quot; Sa pratende krong se de beide mauljue yn 'e kleankast, die de doar ta en — Tsjerk kam yn 'e hus.
— Dêr bin 'k al wer! röp er, ik kam to let for de boat, nou bliüw ik joun by dy thüs.
48
Jimme begripe, dat sei er sa mar, hwant hj* hie de doar net ut wést. 't Wier alles opstitsen wirk twiske liim en syn wiif.
„Mar'', sa forfolge er, „it liket wol dat hjir bisite wèze scil, dat stiet 'er goed foar.quot;
„Och ja, sei Berber, ik siet hjir sa allinne en non hie'k üs bürwiven Sjerpe Fetsje en Greulte Hoatske, hjir jouns forsocht, dy hjar manljue wierne ek üt. Mar hja kinne non om myn part wol weiblnwe.quot;
„AVitste hwat, andere Tsjerk, dn heste de kosten 'er nou om dien, lija moatte nou ek komnie; helje se mar effen, ik scil salang wol Mswarje.quot;
Xou, Berber gyng de doar üt en kam effen letter werora mei de beide frouljue djT hjar manljue hjir yn 'e kast sieten en fan spyt en nidigens al pür wierne. Doch hjar straffe bigoan yet pas. Hja scoene yet lang wachtsje, en nog gans hearre matte, dat hjar net oanstie, ear 't se los kamen. Wyls't se yn dyn eare, tsjustere kast bisletten sieten en elts wird hearre koene, dat üs ljue yn 'e keamer mei enoar for-wixelen, gj'ngen disse oan tafel om de spillen, dj* dêr ré stiene, eare oan to dwaen. Fan it eagenblik óf, dat Berber mei de beide frouljue ynkomd wier, hie it petear net stilstien en hja reden ho langer ho drokker. Tsjerk die in steil wird tsjin 'e frouljue en streake en flaeike se, dat Fetsje en Hoatske net wisten ho se it mei him hiene en 't bywilen ntkraeiden, as wierne se bang, dat er hjar op 'e side krüpe scoe. Soks die Tsjerk om de manljue, dy yn 'e kast sieten, to narjen, hwant al founen disse 'er gjin bien yn om in oarmans wiif ta ontrou te forlieden, hja woene doch net lije dat in oar hjar frouljue to nei k?im. Mar om hjar sels net iepenbier to meitsjen, haldden se hjar yet yn. Hjar gedild scoe lykwols yet swierder op 'e proewe steld wirde! Berber hie it salt op 'e tafel forgetten, en lija doarst sabeare net allinne nei de koken om it to hel-jen; nou, Fetsje sei: hja scoe wol effen meigean. It dnrre yet al in setsje ear 't se werom kamen, en wiles siet Tsjerk
49
mei Greulte wiif, Hoatske, salang allinne. Tsjerk nam dy gelegenheid waer om Hoatske allerhanne moais to fortellen, hwet frouljue ornaris graech hearre, en op 't lést bearde er, hy woe ris mei hjar frije. Do koe Greult it yn 'e kast net langer liirde, hy woe der üt en op Tsjerk los. Mar Sjerp halde him to-bek. „Dou scitte wol wizer Avêzequot;, lustere Sjerp, en meitsje dy seis en my net to skande. 't Béste is nou, dat wy dit oer us hinne gean litte en mar tinke, wy krije ns fortsjinne lean.quot; Nou, Greult liet him yet riede. In setsje letter moast er in flesse wyn üt 'e kelder komme en Berber mei Hoatske gyngen om dy to heljen. Nou bleau Tsjerk salang mei Sjerpje wiif, Fetsje. allinne en do bearde er wer krekt as niis, hy woe ris mei hjar frije. Do wier 't Sjerp syn bar om nidich to wirden en woed er üt 'e kast om op Tsjerk los to gean. Mar nou haldde Greult him to-bek, lyk as er seis Greult niis to-bek halden hie, en moast er 't oanheare ho Tsjerk mei syn wiif omflaike en streake en disse dêr net fij fan like to wezen.
Einlings wier de bisite Ofroan en de frouljue gyngen nei hns. Effen dêrnei stelde Berber de beide manljue ek yn frijheit en gniisde hjar omraek üt, dat se mei sa'n lange noas Ofdraeije koene. Tsjerk wier der wol foar om se yet in omrake trewinkel mei op reis to jaen, mar syn wiif kearde dat jin; de les hie sa goeddernöch west, tocht lijar, en dat wier ek sa; hwant dy frijers makken 't hjar tonei noait wer lêstich.
XIII.
DE SPOEKJENDE FEIJÈE.
Der wier ris in aid kriiclisman, dy lang oanien tsjinne liie. Einlings krige er syn noclit fan 'e tsjinst, frege syn ontslach en teach nei hüs. Sa komt er onderweis dejouus yn in herberge en freget as er dêr de nachts ek biiüvve koe. Mar der waerd him sein, dat men haldde gjin sliepers. Hja hiene oars keamers genöch leech stean, mar men koe der him net bêdsje; hwant 'er kam alle nachten in speek yn 'e luis, dat de fremde man omraek hvvat op'e luid joech as se 't weagje doarsten om 'er to binachtsjen. Mar dat nijs skrikte de soldaet alhiel net Of. Bring my mar yn hokker keamer as jy vvolle, sei er, bring my Ijocht, wyn, in pipe en tobak en wêz Herder mar net yn noed; Ijue as ik en myn gelikens, dy onder tsjinst grüs wirden binne, dêr ha de spoeken 't min op stean. Om 'ter sa reslnt wier, wiisde men de soldaet in keamer en brocht him dêr alles hwat er bisteld hie. Do bigoan er to drinken en to smoken en bleau sa sitten ont middennacht ta. Mar it spoek hie de djippe stilte yn 'e hüs yet net forsteurd, it like wol, dat it siker bang wier foar de nije gast. Twiske ienen en twaën lykwol hearde d' aide kriiclisman yn ienen in heislik gebear en 't rammeljen fan izer — en foarquot; dêrop seach er in ongryslik spoek by him yn 'e keamer kommen. It wier yn in lange swarte mantel bitrolle en hie in izerne keatling om 'e mil. Mar iis man waerd er oars of oars fan. Hy gong op it skynsel ta en joech it mei de platte kant fen syn sabel in trewinkel op 'e kop, dy der
51
net om Ijeugene. De geast, dy net wend wier om sokke dryste gasten aan to treffen, joech in Inde gjalp fan liim en, do er fornam, dat de soldaet him ré makke om op in nij to bigjinnen, foei er troch de koer en sei: Genade, myn-hear de soldaet, jouw my as.joubljeaft net mear; ha mei-lijen mei in earme stakker, dy op syn knibbels barmher-tigens ófljüntet. Aste it libben lullde wotte, sei de soldaet, dan moatst' my sizze hwaste biste en earlik opbychte feint! ef ik slack dy dwêrs troch, lyk as de ridders by aids de reuzen diene, dy hjar yn 'e wei kamen. By dy wirden kam de sabeare geast, dy nou seacli mei hwa 't er to dwaen hie, ta 't bisliit om alles to bikennen. Hy sei tsjin 'e soldaet: Ik bin de greatfeint yn disse herberge, ik hjit Jan en ik ha smucht op Janke, de ienichste dochter fan 'e kast'lein, en lija mei my ek wol 'lije. Hjar alden wolle hjar lykwols boaskje oan ien, dy hwat mear is en om soks to biletten en to meitsjen, dat ik eiulings doch hjar swager wirde scii, binne wy (de faem en ik) it iens woar'n, dat ik alle nachten for spoek spylje scil. Ik slach in lange, swarte mantel om, byn my 't skoarstienkeatling om 'e mil, en sa optakele sjou ik it hiele lifts fan onder ta boppe troch, wyls 't ik al it spul fttjouw, dat jy niis heard ha. As ik by de baes en frou foar de keamersdoar kom, bliftw ik stean en rop: Tink net, dat ik jimme mei rêst lit, foar 't jimme Janke mei jimme greatfeint trouwe litte! As ik disse wirden mei in hol en gron Iftd ntere ha, rammelje ik wer mei myn keatling en kom einlings onder 'tramt troch yn in keammerke, dêr Janke allinne sliept, en fortel hjar hwet de spoekerij ntwirke het. Mynhear de soldaet, sei Jan fierder, jy fornimme wol, dat ik jou de wierheid siz; ik wit, dat jy my, nou jy alles wite, yn 't leech fiere kinne troch oan 'e baes-en-hjar to sizzen hwet hjir bart; mar as jy, yn sté fan my sa'n minne tsjinst to dwaen, my helpe wolle .... ik swar jou, dat myn tankberens .... En hwat tsjinst forwachteste fan my? foei de soldaet him yn :t wird. Jy ha oars net to dwaen, forfette de jongkearel,
52
as moarnier to sizzen, dat jy de geast sjoen ha en dat er jou sa bang makke het .... Mar de soldaet foei him wer yn 'e reden mei to sizzen: My bang makke? Jy wolleha, dat in soldaet sizze scil, dat er bang wést het? Ik woe yet Ijeaver .... De teint liet him net ütprate, mar foei him op syn bar yn 'e reden. Nou, dat is ek just net nedich, sei er, alles goed bisjoen, kin 'tmy ek neat skele heat jy sizze, as 't mar tsjinje kin om myn plan yn 'e han to wirk-jen. As ik troud bin mei Janke en in sté ha, onthjit ik jou, dat ik jou, sa faek as jy by my oankomme wolle, om 'e nocht traktearje scil, jou en jins frjeoneu der by. Dat seit bést' mynhear Jan! rop de aide kriichsman üt, jy stelle my foar om in bidragerij to stypjeu .... 't is sawier in biliyplike saek foar my en net sender gefaer, mar jy wite it sa goed to onderlizzen om mj- to bilézen, dat ik my oer de gefolgen net mear biswierd fine kin; wite jy hwat? G-ean mei de spoekerij jou aide gong en bliüw it mei jins faem iens, it oare scil ik wol klear spylje.
De oare moarns sei de soldaet tsjin 'e kast'lein en syn wiif: Ik ha de geast sjoen en ek mei him yn reden wést. Hy het tsjin m37 sein: „Ik bin de oerpake fan de baes üt dit weardshus. Ik hie in dochter, dy 't ik onthjitte oan de betoerpake fan disse syn feint, mar ik kam myn onthjit net nei; ik joech hjar oan in oaren-ien ta wiif en ik stoar koart dér nei. Mar ik koe net ta rést konime en sa draeg ik de straffe for dat ik sa sonder omtinken myn wird briik, en ik kin net rêste ear 't immeu fan myn bet-oerpakesiz-zers troud is mei ien üt Janne famylje; dêrom kom ik hjir alle nachten wer yn dit hus. Mar 't is omdóch, as ik al siz, dat men Janke mei de greatfeint trouwe littemoat,— de soan fan myn pakesizzer is dóf oan dat ear en syn wiif van desgeliken; mar siz hjar asjoubljeaft, mynhear de soldaet, dat se sa gau as 't mar eat mulk is dogge hwat myn bigearte is, ef ik scil yet oars opspylje en se alle beide op in heislike wize pieagje.
De kast'lein, in lichtleanwige kearel, wier alhiel foralte-
53
reare, do er dit hearde en de kastleinske, dj' 3ret onnoaze-ler wier as hjar man, miende dat it spoek hjar al efternei siet. Hja joegen dos tawird for it houlik, dat algaudêrop pleats hie. Jan gyng mei sj'n w.vfke yn in oare hoek fan 'e stêd to wenjen en de soldaet foi geat net om üt en trocli by hjar oan hüs te kommen, hvvant dan waerd er altyd goed traktearre fan 'e nye kast'lein.
Bij den uitgever dezes is mede verkrijgbaar:
SCHETSEN ÜIT FRIESLAND,
in het bijzonder de geschiedenis, betreffende
leststifipepf, Osststellingwerf, SÉtepianl, Öpsteplaoi eo OmsWefi
van vorige eeuwen;
bijeengebracht door J. H. POPPING te Oosierwolde.
Prijs / 0.75.
Deze SCHETSEN bevatten zeer vele bijzonderheden vanaf de vroegste tijden. Verschillende oorlogen, gevoerd door de Stellingwervers, Schoterwervers, Opsterlandors enz., waaruit blijkt, dat de bewoners dezer Grietenijen, aanvangende met de IS116 en 14'ie eeuw, afzonderlijk strijd voerden.
Verder aanteekeningen van al de Watervloeden en den Bodem in de vroegste tijden. Over Godsdienst, Kloosters, Regeeringsvormen. Zeden, Kleederdracht, Onderwijs, Landbouw, Veeteelt, Treurige Tijden, onz. enz. Opkomst van Dorpen, tengevolge van verveeningen en eindelijk:
Plaatsbeschrijving der verschillende dorpen van Oost-stellingwerf, Weststellingwerf, Schoterland en Opsterland.
1'kintk 15 y .1. w. l'OSTm MA
a\ot.vklt;;ea.