-ocr page 1-
r*YK O/OSQ^
es*i
9
SONDER MOFYEN OAN
nei \'t Slndlussfeest
ro
OAH&IMGAS3FI£IBs
In skildery nei \'t libuen,
FEN
T. G. VAN DER MEULEN.
PRINTE TO LIOWERT BV
P. VAN DER SLUIS VAN DEN BOSCH.
-ocr page 2-
-ocr page 3-
s6o.i.4/y \'
IPIE,
sonder mofven oan
NEI \'T SINDINGSFEE8T
TO
FEANKLEASTEII.
In eslsildery nci \'t libbcn,
PEN
T. G. VAN DKK MEULKN.
I\'UINTK TO LIOWERT, BY
1\'. VAN I)KB SLUIS VAN HEN BOSCH.
BIBLIOTHEEK UNIVERSITEIT UTRECH
A06000030571818B
3057 181 8
-ocr page 4-
-ocr page 5-
GEPKE,
souder mofven oan nei \'t Sindingsfeest
to Feankleaster.
»0 liearink ! hwct hab ik nou hwet nys to foriellen , iïs
Gepke scil moarn nei Feankleaster!"
ïllwct scil dy nei Feankleaster dwaen?"
>Nei \'t sindingsfeest, begrip je dat net?"
»Ei nou hwet scil Gep dèr hinne dwaen? dat is ommers
in spil foar de fróme lioue, hwet het Gep dèr to meitsen ?"
»Dat mei jo wol sisse, ik hab \'t ek sei\'n, mar wit jo ?
hia nait tiisdei \'s by Hepkes , nou Hepke en de frou, dat ken
jo tinke, as dy er net kaemen scoeden er twa to min
komme, en fen sels den mat hiar dochter wol mei, en
Hiltsje het in bedroed bttsje oan hald, nou woe dy wol ha
dat Gep mei ried, den hie se ien dèr se mei kuijerje koe,
sonder to hieltiid heit en mem as in jonge houn nei to bon-
eeljen. Sa is \'t spil oan \'t roljen rekke, fen sels it kostet
epke neat mat jimme tinke; ik sei nou: as \'t dou er stn
oan heste hawar den mat it mar ha, mar nou het se gjin
mofven, en fen sels Uil set it seil moarn sa heach as móglik
is, nou wol Gep ek graech mei dwaen sa goed as se ken,
ha jou no ek in pear mofven to Hen ? as ben \'t mar ketoe-
nen as \'t mar hwet liket."
»Min lieave sloof, ik ken je net helpe, ik ben oars gjin
mofvcn rik as dy \'k winters oan ha as \'t kald is, en dat
benne wollen. Ik hie oars yet in pear katoenen, dèr \'k mei
op begrafvenisse west ha fen Doekom, mar dy ha de rotten
op fretten, amper oan sa gau as de roue oer Doekom üt
it hert wier, ha \'k sei\'n."
»Ja to deale om in erfomkc rout me net lang. Mar den
-ocr page 6-
4
lia je gjin mofven\'.\' hawar! \\vy ken hier ek gjin krye en clo-
mcny\'s jufvrou het oars net as learen, en sa\'n menske
wol j\' er ek net om oan. Dan mat Gep sonder mofven nei
\'t feest"
»En den is se yet tüsenkear moaijer as dy mitige Uil mei
al hiar franjes."
»Nou, it is min dochter, mar ik hab it ek sei\'n. Ik sei
dou mei din smel eariizer kei.st\' wol üt tsjin hiar mei in
breed mei juwelen in \'e knoppen. Mar ik ha min boad-
skip dien , \'t is al wer net oars üep mat er mar troch
slaen. Goeden jöun !" »Ek sa, jo matte sisse dat Gep üs
skielk ris mei diele mat hwet reis as se hawn het."
»Dat scil se wol dwaen wolle."
Dit petear hieden Houkje en Sjoukje. Iloukje in skoalmas-
ters widdow dy hiar man gau forlern liie, en do sitten bliou
mei ien fainkc. Mei in bltsje hie se leard roun to sparteljen,
mar hia wier mei care sa fier kaem dat Gepke, hiar dochter,
skroar en great wirden wier. En Gepke wier wrichtich in
bisonder knap faem wirden De frou dèr Iloukje nou mei
practe wier Sjoukje hiar burwiif, in timmcrmansfrou, fleu-
rige knappe lioue mar sonder bern. Mear ha wy er net ten
to sissen Ilwent dat disse mensken net oan de alde leare
hingen koeden jimme oan \'t pract Uke goed fornimme, as
dat Gep gjin mofven to lien krye koe.
Nou matte wy yet sisse hwet man as Ilepke wier. Hepke
wier in fornaem eigenerfde boer. In man dy de ouskïedene
leare tsjinne hie , mar hy wier troch domeny Vox , en do-
meny ten Dik, ta in oar insjen brocht. Hy wier nou in man
dy de herforming in de tsjerke sochte, troch it nye dèr üt
en it alde dèr in to bringen. Hy stipe de kristelike skoalen,
en de inriuchtingen fen Van Dik to Doetichem. Sels hie er
al is mei Groen fen Prinsteren praet do dy yet libbe, en
Makay hie er al is spritsen. Hy wier rik en seach heach by
him sels op, ek hie de orthodoxe party him in de ried stimd.
IIy wier in man fen bilang, en waerd nou hier en den dèr
nöege dèr forgearingen halden werden in \'t bilang fen hiar
tsjerke en skoalen. Stn wiif wier sa de man woe, hia wier
er earm in troud en hie net folie to sissen. De lioue hieden
mar ien dochter, dat wier hiar pop, en as popke waerd se
troedele en great brocht. \'t Bern wier troch de swietekau
oan in bidoarne mage rekke, nou sukkelse folie, wier wit en
-ocr page 7-
5
geisich, en op achtsjcn jier in ald vviif fen holle, mar siuch
de pronk mast dat wer goed meitse, en de pronk ! to deale
der wist\' se fen. Nou, by disse lioue naide Gep, en sa waerd
se nou, mear ut help om Ililtsje op it feest ta\'n spilfaem to
wesen , as wol ut friünskip frége om moarn mei nei \'t sin-
dingsfeest to rlden. llwent skoalmastcrske en hiar dochter
wieren oan de moderne stde, der stie\'n se foar bikend, dos
alhiel nen mtnsken nei Hepke\'s herte. Mar hwet scoe me.
Ililtsje mast doch hwet selskip ha.
Men rekke op reis en wol hiel betiid. Üe locht stoe don-
ker mar \'t waer like jist net sa min. Gepke wier trinten mar
Ililtsje wier moai. Hiltsje hie in griissiiden jupe oan mei
wit ho folie tureleurkes dèr op en der oan. In wite kraech
In trudels by de hals op, en dèr in bloedread siiden lint
om hinne. In swart kanten mantel o! borstreach om \'e lea,
en in kip op, dy wol twa in tweintich goune koste hie. In
wite sluijer der oan by de reach del, en in echt kanten
mütse oer it eariiser mei juwelen tn de knoppen, en liocht
griene gledlearen mofven oan. Gepke hie in donker griene
jirk oan, ja sa donker dat it hast swart like , mar dy er
sonder folie tierelieren eptich omsiet., en sonder to slepen ,
goed lang wier. Den hie se in swart siiden mantelkc om ,
dat ten foaren foar \'t borst omteard en iepen wier, dèr
kaem in wit kraechje allik fen dat fetsoen üt, der in linisje
oer, en sa kaem men hiar blanke fleurige hals to sjen , as
waerd dat gesicht ck britsen troch in lieaf lits slotsje oan in
gouden kettingje. Op \'e holle hie se in knappe flodder oer \'t
smelle eariisder, en in wit kipke op, wèr fen it moaije in
de ienfald lóun wirde mast. Dealis dat se gjin mofven hie.
Mar it wier sa , en it kaem to onforwacht op om se fen
Liouert komme to lillen , en in \'t litse dorpke der hia wen-
nen wieren gjin to keap. Ililtsje hie móglik wol in pear
hawn, mar dèr hiar om to freachjen gong Gep in hiar care,
ek wie se — om de wierheit lo sissen — tiis fen Ililtsje
Ililtsje gniisdc do se seach dat Gep gjin mofven hie, hia
sci er neat fen , mar hia tochle : »ik ben al moaijer as dou."
Dèr ried me hinne. In moai fordekte wein en twa hinsers
er foar. Op de foarste bank Ilepkc en de frou
Ilepke mei swart siiden mofven oan, en in polka hoed fen
1877 op, en sin wiif mei giele mofven en in jupe fen swarte
siide oan , en sa den it ien nei \'t nare.
-ocr page 8-
i;
Klier tn sicten Uiltsje en Gepke.
Omdat se betiid op reis masten hie Gepke by llepkes thee
dronken. It lèsen in de biibel wier troch de drokte oer
gien, mar dèr foar hie de boer in \'t gebet forjifjenis frege.
»lleare!" hieersei\'n «vergeef \'t ons om uw zoon\'s wil, dat
we op reis gaan zonder uw heilig woord tot onze zielen te
doen spreken , gij weet Ileare dat de liefde voor uwe dienst
ons in dit morgenuur drijft." Dat wier oars mar jist wier,
hwent it pronkjen ten de frouliu die \'t dat it biibel lèsen oer
gean mast Gepke tochte sa by hiar eigen; dit wirdt je
mar wis makke Ileare."
In tromp mei iten kaem er mei, en foar onderweis hie
frou Hepke in goed püdvol allerlei, en Uiltsje in püdvol
uleveltsjes en sokke dingen. Men koe oan \'t koachjen blioue,
as \'t net praete woe. Mar praete woc \'t ek. Hepke koe
Gepke tüsen dingen fortelle , ho er \'t han hie do er foar
ilelike jieren by Groen van Prinsteren west wier, en hwet
er sei\'n hie op in torgearinge hier, en ho er gelik krlge hie
dèr, en ho de saek des Ilearen binnen kort triomphearje
scoe. Gepke splle den mar fen »o heden", en »ja wol"
en den wier se mar bliid dat men wer ouliedinge foün troch
allerlei of uleveltsjes. Stiens wier de earste plasterpleats.
Men halde by Blaam. Dèr hie Gepke al is earder west,
hia hie to Stiens is ütfenhüse, do hie \'t komeedsje selskip
dèr spile. Dèr doarst Gep ltkwols neat fen sisse it mocht
to sondich föun wirde. Do se dér onder tn de jachtweide
sieten wilst it riou in de trochreed wier, kaem it de frou
in \'t sin dat se dèr yct in nicht wenjen hie, dy woe se wol
efkes wite wèr wenne. De kastlein wist it nei hwet biried,
en do blikte it dat dy in \'t earmhus wier, of er nei oan ta.
Hepke wier nidich dat sin wiif sokke formilje er yet op
nei halde, mar de koegel wier nou troch de tsjerke, hy
mast er nou mei great hear to spiljen tröch, him tochte
dat as sin frou en sin dochter dèr elkes sjen woeden, dat
scoe wol goed wèse foaral as se dèr mei kaemen, en sa
triou er sin wiif twa rlksdaelders ta, to sissen sa dat me
dit wol opmerkte. Dat mast den ha. Uiltsje woe wol mei,
om Stiens al earst ut to striken mei hiar preal fen hioed.
Hepke bliou met Gepke in de herberg. «Dit is hier in knap
spil Gepke he ? »sei er." Ik hab it yet kend dat er om
sa\'n herberg hicrc nel tocht waerd , dou mast ek ris boppc
-ocr page 9-
7
sjen faem, kom ri\'s mei" Gepke folgc de boer, en hia lachte
sa oan it nocht dat se dèr smakke hie. "Ja sei se, ik hab
hier al earder west, do wier \'t komeedsje; hier wier do it
toneel, O! wat wier er do in folk." «Haldste fen sokke
dingen ?" sei Hepke, »Ja" sei Gep »as \'t moai giet mei \'k
it graech sjen."
sWotte wol leaue", sei Hepke, »dat stou in lieaf bekje
heste ? Dou bist\' net fen min miening in \'t gelove, mar In
ien ding siste wol mei my tn stimme, en dat is dit; dat
tütsjen swiet wirk is." Hiermei slacht Hepke sin hannen
om Gep, en scil er hiar tütsje, mar Gepke seit: sMar noait
mei sa\'n smoarg ald kearel", en dèr mei fliocht se wer op
de trep oan. Mar Hepke is hiar to gau. Hy grlpt hiar,
en seit: Gepke fanke swy, it moeit my, de fyan wier my to
folie mans, forjow en swy, meitse gjin spil." Sa rekken se
wer by de treppen del. Of de kastlein it mirken het nè of
ja dat wit ik net. Gepke bliou bidaerd, en do de frouliu
er wer wieren, rieden se fierder, mar alle trye hieden se
er nigct oan dat Hepke nen wird mear fen geloof en riucht-
sinnigens repte, mar allerlei kortswüligens hie, en stn wiif
mear lieave wirden jowch as \'t sloof troch in dei wend wier.
Fen Stiens ried men in ienen troch nei Birdaard. Hier
mast men wer stflwèse. By Steenhusen in de trochreed, en
de frouliu in de rünie jachtweide. Hier wier Hepke as in
iisk in \'t wetter t\'hus. Siuch hy wier lid fen de rie, de
kastlein wier \'t ek. Wol wier de kastlein in nyliochter in
\'t each fen Hepke, mar doch boppe miening en gelove wekkc
hy mei de kastlein for \'t lok fen \'t menskdom. Ek koe
sin frou hini hier net fornederje troch oer in carme nift to
bigiinnen, en hy rekke net wer in de forslkinge lik as lo
Stiens. Fen Birdaerd ried men nei de Geast. Hier liet Hepke
sin kennisse wierje troch hiar to sissen wer it Klearkampster
kleaster alear lein hie, en dèr wist er de les by toföechjen,
dat trouen it famme sin mear flyt as \'t non wèsen. En do
er dat sei seach er Gep oan, as woe er sisse: dou bist er
to minsten to goed for. Gep wier earst hwet stil, mar
mei \'e tiid tochte se: lil mar waye, mar ik scil om dy
tinke frome baes. To Rinsumageast halden se net. «Kinsu-
mageast" sei Hepke, »is ien fen dy dorpen der men bliid is
dat men west is om er noait wer to kommen. It is libben ,
mar as in fisk in \'l kear, it komt gjin grewel fierder. By
-ocr page 10-
Sikkcma to Ikkerwald wier\'t honk. Ltkwols mar in aiuc. >,
en foar de doar. De frouliu kochten er for aerdichheit foar
in skelling swinemaegen, dy men dèrre op it treflikste fint.
xBöten de swinemaegen is in Ikkerwalde weinich dat habben
wirdich is," sei Hepke wïlst er Gep oan seach, Gep lake,mc
sei de kastleinske moarn en ried nei Driesum. To Driesum
hie Hcpke boadskip. Hy mast nei de skoalmaster. »Hea"
sei Gep, sdi-r ha\'k wol ris fen lèsen." 5 Fen dy skoalcmas-
ter?" i\'rége de boer. »Ja" sei se, >ulie skrieut frlske boe-
reboekjes. O, ien is sa aerdich, dat hiet: de wilde lan-
tearne, der stiet tn ho me it ha mat as men jin fryer sjen wol."
»Ho mat men dat den ha?" frcget Uil, dy \'t wol freaehje
mochte, om hia hie weinich lest ten de fryers.
»lk wol it wol sissc", sei Gep, »mar o it is sa mal; dan
mat me as me jouns op böd giet de hoasbannen In \'t krüs
oer \'t holkessen lisse, en den mat me s\\sse:
Op deze banden die ik leg
Op deze woorden die ik zeg.
Is er een zoetlief voor mij in \'t leven ,
Dat dan de Heer mag geven —
Dat ik hem zie hoe hij staat,
En hoe hij gaat,
Al in zijn dagelijks gewaad.
En den siucht men him, of in deakiste. Ha! ha! ha!
llwet sis jimme, is \'t net mal?"
j>.la wol is \'t mal", sei frou Ilepke, lliltsje sei it wier
grappich , en Hepke frege of Gepke oan sokke dingen lcaude?
Gepke sei: -nEergusteren maar vandaag ntef\'sei jufvrou
do se hiar fregen of domeny wakker stedcare, mar sa giet
it my mei it leauen oan sokke dingen, en sa |giet it dy
Driesumer mastcr ek mat jimme tinke, mar hy skrieut sokke
stikjes op om sjen to litten ho btgelovich de mensken yamk
benne."
»Ja" sei Hepke »mar dy master dy jou miene dèr mat ik
net wèse Gepke. Dat is in forkearden fankc , dy praet oer
de Heare noch sin care, dat is ien—ja siuch de lleare ken
him bikeare, mar oars! de llimmel scil er net foar iepene
wirde. Né menske , ik mat by d\' oare skoalmaster wèse,
by de master fen de bisondcrc skoale. Dy skoale steun ik en
mat ik hanhavenje. Dy master is min friün. 0 ik hab hier
sa\'n frifinen wcnjen. DAr ha jo higelik* de foarige borger-
-ocr page 11-
n
mastcr, och fankc , ik wol er net hinne gean nou, hwent
as er t\'hus wier , woe er niy hioed net wer gean litte. Stn
siele to raent in miners, sa hingje wy oan en or."
Mar hiermei wieren se oan de herberg ta. De frouliu
frégcn en kop kofje , Ilepke naem in bramboaske dat friske
hwet op , sei er , en roan nou nei de nye mastcr. Mar hy
kaem daclk werom , mastcr, hie me him vvite litten, wier
net to sprekken. Hy is fèst ut west, sei de boer. sJa" sei
sin wiif, »of it wier er onwaerich." »IIo kom j\'er by?"
sei Hepke. «Omdal it yet jonge lioue benne" sei de frou.
Hia laken er ris om, mar rieden flink fierder, en sonder
plasterjen oer \'t Husternoard, in ienen op Fcankleaster oan.
»Hwet in mensken! hwet in menskcn !" röpen se, do se
neyer kaemen. Ilepke woe bipaeld in de herberge ütslean,
en net by de boeren. Hy hie dèrre foar in jier mennich ,
mei stn gesin en mear oaren ris en dei west en er folie
fortard, en fen de hospes in bulte eare krtge, hy tochte as
er my wer siucht, den siucht er daclk dat it ien is dy er
wèse ken. Hia rieden stapsvoet by siden it slot de merke
lans, en Gepke frège do se dy wafvclkockskream seach :
«Heart dit ek by \'t sindingsfeest V\' »Ik tink it al", sei Hillsjc.
Hepke koe neat sisse, dy mast op mennen passé, men koe
hier hast op \'e hollen gean. Men kaem by de harberg, de
feint fleach linich op hiar oan, en do de baes ek. Ilepke
seach him oan en dy sei: »Is de kastlein net by de wirken?\'\'
»De kastlein stiet foar jou", sei Koopmans. »0 so", sei
Hepke, »den is \'t hier foroare, ik hab er in oaren kend."
Ja, sa wier \'t ek , dy hie \'t spul forkcapc, it wier nou disse
man siners. Disse foroaringe moeide Hepke. mar sfuch nou
earne oars gean jowch gjin pas. En de mtnsken liken best.
Sa wier men den to plak. De hlnsers rekken fn \'t lan
en de mensken in de bosk.
Nou hawar, do Gepke, nei dat de boer hiar in programma
jown hie, de moaye tün In kuijere, te mids fen sa folie
mensken do mast hia dochs sisse: hearink hwet is dit moai."
It wier moai, mar foar hiar dy amper oan nearne kaem
wier it dubel moai. By Beets koeden se nen plak fine. Hepke
roan ek net sa bisondere heach mei dy man. Sin wirken
hie er net lèscn. mar dèr wier him sei\'n dat Beets troch de
modernen ck heach skat wacrd , nou it wier fen sels , dat
de man den onmógelik siiver in \'t stik der ionige en ceuigc
-ocr page 12-
10
wierbeit wèse koe Nimmen ken twa hearen isjinje. Hia
kuyeren fierder. De boer mei stn frou foar, en de beide
lammen efter, en Hepke tochte, it wier of elts hy hiar seach
sa sei: Dat is ek gjin smeldóek. By de twade praetpleats
mast men de sprekker mar ouwachtsje, tochte Hepke.
Hia gongen fen \'t paed ou by it gèrs del, om de preek-
stoel tn de lichte stoe.
Hepke fóun al ringen friünen, en den wier it: »Dèr ha wy
menhear Holbomma, ho giet it?" Den gong it op in praeten
oer\'t maatschippelik lok. Nou Hepke koe fen disse en jinge
wet in artikel, en den wist er \'t altiid sa to drayen dat
just dat artikel er by oanhelle waerd. Den tochten en seien
de friünen: »Dy kearel is fordomde tuk." Soms frege men
ek wol: »Ben dit jo frou en dochters, menhear Holbomma?"
»Ja min frou is \'t wol, en dit is min dochter ."den wiisder
op Hiltsje , »mar dit is üs skroar, dy hie r\'is sin oan om
mei", en hier mei seach er nei Gepke Den tochten de lioue:
wol nou de skroar is moaycr as de dochter, mar hia seien:
»Nou jimme kenne foar \'t liocht komme." Den setle Hepke
in pear tomme ut fen wege sin fieling fen eigenweardyc.
Dèr kaemen al mear en al mear mensken om de prek-
pleats, it waerd in gekring fen kom sa, en sa spande it om
by en or to bliouen. Hiltsje en Gepke rekken fen de alde
lioue ou mear nei de lichte. En ek rekken hia wer in eintsje
len in or ou. Hiltsje kaem moai foaroan, mar Gepke rekke
twisken in heap manliu In. Dat sloof, hia koe foarüt noch
to bek, en as hia foarüt seach, seach se in manspersoon in
e gledde nekke, mar it wier sa, domeny Knotnerus bigoan,
men mast stil wèse. Gepke hie fen Hepke in programma
krtge, dat hie se tn de hannen mar \'t siongen kaem net folie
fen, hia hie gjin romte om it to sjen. Sa stie hia mei dat
boekje in beide hannen op it boarst to harkjen. It mans-
persoan dèr foar hiar hie \'t ek net rüm en dy slöech fen for-
legenheit de hannen efterom, en tafallich roerden dy hannen
Gepke hiarres. Hie se nou mar mofven oan hawn den hie
er neat to dwaen west, mar nou fielde hia dy waerme feinte
fingers. Dy fingers! — »Dou biste net lorsein"— tochte
Gep, »din hannen binne goed waerm." De leint tochte fen
desgelikens, wier \'t net binoud? De gelearden sissc dat wy
wearliochtstof oan üs ha, dy by \'t beetkryen oergiet fen \'t
iene menske In\'t oare. Kn wrichtich, it wie of it fiür wier
-ocr page 13-
ii
dat hier til de liim fen Gep in dy feinte han tleach. Hij scach
om. Dy diwel! tocht\' er; hwet in knap frommiske. Gep
seach him oan, en dy tochte: to donder! hwet in knap
feint. Likwols hy sei neat, en hia sei neat, mar as rikte
hy nou yet tryris sa fier om hiar fingers yet ris to roeren,
it roan mis. Gepke paste dèr foar op. Gepke wier in froed
sédich fanke, as ltke de feint in knap feint, hy koe wol in
troude jongeman wêse, derby alle knappens is gjin deuchd,
mar jimmer wer oan kaem \'t hiar frèmd foar ho \'t fielen
fen dy fingers hiar sa oandien hie.
Hwet domeny Knotnerus mear preke, hwet minder Gepke
dèr fen forstie, en mei dat er wer song wirde scoe kaem er
sa folie geskommel, dat Gepke \'r ut wei wine koe , sa kaem
se wer by Hiltsje, hia sorge likwols dat se net wer nei dy
feint seacli, mar — dy feint paste wol op hiar. De preek
wier ut en elts gong hinne. Om boer Hepke en \'t wiif wer
by to kommen, tredden Hiltsje en Gepke fcardich op.
»Sape! Sape! wer wotte sa hird hinne?\'\' fregen in pear
feinten oan hiar makker, dy oer sittende en lissende mens-
ken hinne strampele, om foart to kommen. »Ik fin jimme
strak wol wer", röp er, en hoepele mar op om Gepke In \'t
each to halden. Sin maeten wisten net hwet him miskeare.
Hy wier yet net botte fier dèr hie Sape hiar inhelle. Dat
kaem sa. Dèr sieten op in tunbank kennissen fen boer Hepke.
Dy sprieken him oan. It wier füskje en praete Sape sweefde
it selskip as in skaed foarby. Yet ris seach er Gep in \'t
wèsen, en Gepke him. Hia waerd er mal fen en sloech it
each mei skamte omleach Do it petear ut wier en Hepke
mei sin selskip fjirder gong, roan Sape hiar yet ris to miete.
Gepke seach him oankommen, mar sorge dat se him nou
net oan seach. Jonge! jonge! hwet moeide it hiar dat se gjin
mofven oan hawn hie. De feint wier likwols sa wiis dat
er nou nei it selskip gong dèr Hepke mei praet hie. Sape
frège oan ien, of er in sigaar oanstekke mochte. nKoeden
jou dy lioue", sei er, »dy dèr nou krekt om de hoeke swai-
den." »Ja wol", sei dy man, dat in Frentsjerster wier,
«hiel goed." »Mei\'k wtte" frége Sape, «wer\'t se wenje en
hwa \'t benne?" »Stel jo móglik bilang in sin dochter?"
frége dy man wer. »Tink er om friun dat jo hiere benne
en wèse matte foar de saek des Hearen, en net om fryeryc."
»Né" sei Sape, »dy man stn frou komt my den sa\'n bikend
-ocr page 14-
12
wesen foar, dat ik wol stellich mien dat it yet in Nift fen
mem is." »Soo" sei de man fen Frentsjer, »scoe de frou fen
Hepke llolbomma familie fen jo wèse, den meistc dèr wol
grutsk op wèse, hy is in stipe fen tsjerke en geloof, en in
kreft in\'s Hearen han ta\'n goede." »Soo Hepke Holbomma,
Holbomma , de Holbommen benne my net frèmd, mar ik wit
memme Nift hiar fan wol, dy skrieut hiar Lcversmid." »Né
de frou ken \'k net," sei de man. »Siuch ik doch in manufac-
turen, en hia benne min klanten en as ik den oan hiar leverje
skrieu ik de mans namme op, mar de frou\'s net." sDealis",
sei de feint, »Mem hiar nift scoe hier hioed komme , mar
vvy ha gjin plak fen gearkomste bipaeld. Mar den is dat
Hepke llolbomma fen..... ja wer seien je ekV" «Fen ......"
sei de Frentsjerter wer, en hy naemde de pleats. »So" sei
Sape »cn den ben dat hiar beide bern, dat komt krekt ut,
memme nift het ek twa bern, twa dochters." »Nou den is
Hepke\'s frouw memme nift net heite, boer Hepke het mar
ien dochter, dy er mear by wier koe \'k net. mar ik gean,
min selskip ek , farwol." Sa gong de man hinne, en Sape
tochte sa: it komt goed: Ik ben wiisder nóch. Hy socht\'
sin maten wer op, hia frcgen as er op in wild aventoer
west wier, mar Sape swiige en ried de jöune mei sin
friünen in derten wille, en mei in ütliüen lochtig sin wer
nci hüs Dat wier nei eftcr Dokkum.
In dei letter krige Hepke Holbomma, »Iid der gemeenteraad
en landgcbruikcr te ........", in brief, mei op it adres:
y>cn verders aan ZEds. dochler , in handen." Dat wier
nea earder bard. Hepke seach fremd, sin wiif bisoude en
Hiltsjc trillc. De brief wacrd Hiltsje wyd en hia lies:
Mejufvrouw !
Ik heb het genoegen gehad U vandaag op het Zendingsfeesf
te Veenkloostcr te zien. Gij hebt een onverklaarbaren indruk
op mij gemaakt, \'k Zou bisonder graag met U in nadere
kennis komen. U kent mij niet, maar na informatie zult U,
geloof ik , niets tot mijn nadeel vinden. Dat U de eenigste
dochter waart van den heer Holbomma werd mij door een
kennis van uw vader meegedeeld. Hopende weldra uw naam
en adres beter kennen te leeren , vlei ik mij, dat gij mij
Saturdag avond a. s. zult willen verwachten. Na groete,
N...., den 95 Juli 1877.                            S. NvAwir:nius.
-ocr page 15-
13
. Fen sels, it lèscu fen dy brief 5^01115 lliltsje allènne to
nei. Heit en mem liesen it ek, en llepke sei: Ȇit is de
vinger Gods, dy Nyawieriussen habbe splint, mar— it benne
liberalen." »Mar dèrom mat lliltsje him dochs net ouskrieue,"
sei mem rimpen. »Wel", sei Hepke, »dèr is ek gjin spraeke
fen, it fanke kriget nimmer sa Invet, en den immen ut dat
laech, ik mat sisse ik scoe er grutsk op wèse, mar hwet
seit lliltsje er sels fen?" »Ja", seitse.it liket my wol moai
ta, it moeit my dat my nou krekt wer de asem sa rukt."
»Nou, \'t is nou yet mar tongersdei", sei\'t llepke, »it is
juster ek mei pruimen de biele dei lans gien, den mast dy
hwet mye in dei of trye." »lk woe 10 minste wol", seit de
frou, dat üs bern d\'oare fammen in \'t gea ris in kroane op
\'e kop settc." »Dat ken tröch \'s Hearen genade gau barre"
seit Uepke. En de feint skint Invet mei dy opkrige to hab-
ben, hy skrieut: Gij hebt een onver klaar bar en indruk op
mij gemaakt."
»En dat wol \'k ek wol leaue", seit de
frou. »IIia hie doch in jupe oan fen by de taclitich göune."
»En in kip," seit lliltsje »fen twa en tvveintich." »En hy
scil ek wol heard ha," seit llepke, »dat II. llolbomma sin
pong wol forsiöun is."
Sa waerd de saek in \'t brede bisprilsen , en llepke —
sonder just in ienen alles to dwaen — tochte\'r sa oer, dat,
as \'t dèr oan lei — hy wie fen ouskieden in stap foarüt gien,
den die er yet in stap. Sa \'t nou stie masten dy kristelike
dingen tsjin de tried mei pompen boppe wetter halden wir-
den, it friet jild , it begoan him to bigrutsen. llepke wier
de freeds oan de beurs to Liowert. Dèr met er in kennisse
eiter Dokkum wei. Fen fierens tante er nou ris hwa dy
S. Nyavvierius wier, en dat kaem ut lik as er tocht hie in
eigencrfde boeresoan. Liberale lioue, mar rik. Fol fen in
swiete fieling ringen in rikc skoansoan to habben, kaem er
t\'hus, en hy forkleare oan \'t wiif en de dochter dat er
oltiid tocht hie, dat de Heare sin winsk in dissen yet for-
heare scoe. Ilia masten de moaiste apels nou foar de glè-
sen lisse. lliltsje foaral, en mei lodderein en pepermunloly
sorchje dat se in friske locht oan hiar halde, en it biibel-
lèsen scoe men sniün to jóun mar oer gean litte om gjin
))oanstoaCL to jaen. Men scoe in de foarkeamer sitte, dèr
stoc ek in piano, der lliltsje üt hiar sels op learde, en as
de jonge lioue oan \'t fryen ta kaemcn, den scoe\'n se ia
-ocr page 16-
u
Hiltsje hiar keamer gean, hiar sliepkeamer, dèr bihang oan
de murre siel fen trye göune de rolle, lik as se elk tor-
telden dy hiar hüs biseach.
De jóun kaem. It wier nuver ho Hiltsje sorge en lange.
Dèr kaem nimmen de dik del of dat koe er vvèse. Op it
lest ried hiar immen op in hinser foarby. Dy knikte hiarta,
en jaege tröch. Dat koe er west ha. »Den bringt er mog-
lik it hinser by Ottes" sei Hepke. Otte wier de kastlein. En
ja sa wier it. Sape brocht it hinser tn de herberg. Hy hie
him earst al wiise letten wer Hepke wenne, dèrom knikte
er dèr sa in. In de harbarge wieren se neiskierich wer de
feint hinne scoe, dat giet sa in litse dorpkes. Nou Sape wier
hwet moelrip. Hy tocht\' er sa oer, in knap frommis, en
ienichste erfgenaem, deftich spil — to divel — ik ha er my
net foar to skamjen. Do er likwols sa folie los litten hie dat
de kastleinske lont rukte, dat Hepke\'s Uil de eare wachte,
do seach Sape wol dat er gekoanstekkende gniisd waerd.
«Blixem" tocht\' er, barn ik my móglik ? It roan sa fier
dat er de kastleinske allennich róp , en frége of oan dy faem
in stekje los wier, dat se moglik in bern hie, of sa hwet.
Do lake de kastleinske wer, en dy sei dèr koe er op oan,
soks wier er neat to dwaen. Dèrta wier se nea in \'e for-
sikinge brocht. Kastleinske lake mar, sei se, dat Hil nou
yet ris prioue scoe ho swiet in feinte tutsje smakke, söks
wier hiar nea oerkaem." »IIwet divel!" sei Sape, »den ben
hier ek gjin kerels." Dèr bliou it by. De kaam mast yet
ris troch it hier, en dèr mei stapte Sape er op los. Hy
hie nou net fier rinnen, en scoe bisiden de husinge lans nei
eftercn, dat wier \'t gewone paed, mar Hepke — wol op sin
iepenst — wier ringen by de foardoar en wonk. »Jou matte
hier tink ik wèse, hab ik de ear Nyawierius to sjen ?" »Ja
wol," sei de feint, »ho giet it jou?" Hia fusken, en ringen
siet Sape op in kessenstoel, mei de foeten op in moai tapit
by in mahoniehouten tavel, alles like treflik. Hy fóun er de
mem en in faem, dy er net wiste of se ald of jongwiif
wier. Hy tochte: fèst in sister fen de frou. Dèr sweemde
se wol hwet nei. Men hie \'t gau drok ; benaemen oer \'t
sindingsfeest. Dèr hie men sa\'n wille hawn. Dat prefester
Beets by sa\'n idel feest kaem, koe Sape him net bigripe,
sei er, dy oare domenys wier men \'t wol fen wend dat se
om oan de duit to kommen, de wierheit mei in stien oan
-ocr page 17-
15
hals fordronken, mar Beets, Beets! woe er ha scoe earlik
wèse, sa babbele Sapc, altiid tinkende dat er lioue foar hie
dy tochten lik as hy, er mar op los. lt fiör waerd Sape
nei oan de skinen lei\'n, Ine \'t net om sin bern vvèst, dèr
wier in raer gcfecht kaem. Dèr waerd win skonken, en
taert dèr by lans, Sape tocht\': dit is hier in best libben.
Mar op it lést frége\'r wér of de boer sin dochter bliou?
hia scoeden dochs wol wite dat er dy skriün hie om jóun to
kommen. »Ja wol," sei Hepke, »jou wirde ek torwachte,
dèr sit se." »Hwet deale — jou?" frége Sape, »Menske ik
hab jou net siöun." »Ho kom j\'er den ta hiar to skrieuen?"
frége Ilepke. »Ja," sei Sape, nsiüch dèr wieren twa fam-
men by jou waonsdei, wel ? Nou do seach ik dèr ien fen, dy
hie \'k in de rekken. Do men my forkleare hwer jimme wei
wieren, in dat jimme mar ien bern hieden , twiivele ik net
of ik mast hier wèse, mar jou ha \'k net siöun menske! Ik
seach jou to hieltiid oan foar de frou hiar sister." O vvé,
dat komplcmint wier to grou. Miltsje kleurde ta oer de
earen. »Mar dy oare faem dy do mear hy jo wier, scoe \'k
dy den miend ha? Ilwa wie dat?" »Dat wier üs skroar,
feint," sei Ilepke, »en alhiel jins gading net. Il is in earme
skoalmasters widdow bern, sa keal as in cin fen trye daegen."
»So," sei Sape, »wennet se hier den oars tichte by?"
\'t Is my gjin anderd wirdich" sei Hepke, »jou habbe in
brief skriün oan mtn dochter, en wy miene jou hier ha to
matten, dèr sit min dochter, en as jo gjin sliocht mirakel
wèse wolle, den rik jo hiar de han."
»Boer", sei Sape, «hier is misfor-.tan in \'t spil. Ik wol
gjin faem bedraege, it moeit my onkristlik dat ik sa dwaeld
ha, mar jou dochter wis meitse dat ik om hiar kaem, dat
ken ik net, dèr ben \'k to earlik foar. Forjovv it my faem"
sei er tsjin Hiltsje. »Jou habbe fèst folie sukkele dat nimt
flèsk in bloed, betterskep. Boer en frou de ségen, ferjow
it my dat ik hinne gean, ik hab in malle bok sketten."
»Gemiendcr — ha \'k yet nea hwet bilibbe", róp Hepke.
»Bist dérom kaem om üs to hunjen en min dochter to blou-
mearjen ? — fordommeling! dèr \'k my sa om bisondichje,
ik woe datste spjalste. Bist derom kaem? om üs, dy ta \'t
Hearen folk heare , to biskimpen. Flok oer sokken , dèr ut!
der ut! mar smarlap."
»Boer! jou ha jo fèst ek wol is forsind."
»Dèr üt! Ik wol dy net mear sjcn noch heare, kreeft."
-ocr page 18-
16
Do Sape nei sa\'n alteraesje wer in \'n harharge kaem, en
ek al hwet fen \'t stik , barsie de kastleinske üt fen loaitsen.
»Ho is \'t nou" sei se, »blau róuii ?"
»Gled wei," sei Sape. »En mei lilkens."
»Hwet wieren de reden dochs" sei de frou, »\\vy hearden
jouns dat se wonderlik in e snjil west hieden mei jins komst.
lliltsje hie de brici\' fen jou hier en dèr lèse litten , en de
boer sels hie er jister mei oan de beurs west to Liowert."
sOugrislik" sei sape, »wol nou vvy wieren it net iens In
\'t gelove, ben \'t fine mensken ?"
»Nou , kom dèr mar om , wisten jo dat net ?"
»Ne", sei Sape, »o diwel hwet ha \'k my den forbabbele."
«Mar my tochte dèr scoe\'n se nou net op sioun ha. Dèr
miskearet mcar oan baes ! as in sliuske kat in poat mei
molke fint stekt se de snute er grêtich in, en frégct se
net hwet er op \'e boayem fen \'e poat leit, sa tocht my scoe
\'t lliltsje ek gien ha."
lliermci waerd it petear oubritsen, de kastlcin kaem in ,
dy hie to skearcn west, en nionken him wier in jongfaem,
en dat wier wrichtich nimmen oars as Gepkc, dy de kast-
leinske hiar nye jurk t\'hus brochte en mei de kastlein gien wier.
>)Dèr ha jo min man," sei de kastleinske, »en dér ha wc
wrichtich Gep yette mei min jurk. Hest him klear krige,
ik tochte ho \'t is kommc scil?"
»Ja," sei Gep, »de frou is sa gau onreaslich, ik ha
wol.......hier seach se Sape in \'t wèsen, en Sape
hiar — en gled fen de wiise forlear se de tried — »jou
sióun — Ik — Ik woe sissc klear—"
»Hearink hwet begjinst do to stammerjen," sei kast-
leinske. »Hia is leau ik wrichtich fen de wiise dat se jou
hier siucht," sei se tsjin Sape. «Dat is yet in fry feint
hertsje, as hest him nea earder sioun, hald dou er dèrom
de holle mar foar, hwet sisse jou feint?"
»Ja," sei Sape, mar \'t lud trille hwet, hwent hy tochte:
dat is se, »de skroar hoeft foar my net bang to wèsen."
ïWrtchtich net," sei de kastlein, xdèrfoar hest to folie
manliu\'s flèsk oan dy."
»Och, hwet ha jimme in gemael," sei Gep, »wol de frou
1e jurk jóun passé, of scil je \'t mar weachje?"
»Gcan efkes sitten," sei de frou.
»lk ben oars nedich toart," sei Gep. Gepkc gong sitten
-ocr page 19-
17
on de kastlein broclit hiar in bramboaske. Kastleinske gong
mei de jupe fn d\'oare keamer, en de kastlein mast nei
foaren , dèr hhlde in rituch.
Sape sei neat, en —
Gepke sei likefolle.
Sape sloech it each nei de reekwolken, fen sin sigaer,
omheach. Gepke seach nei neat, omleacli.
Beide wier de wiide jachtweide to krap. Beide woeden
se wol neare oars wèse en dèr fiif uren fen dinne, ta\'n
geltk. Lokkich de kastleinske kaem wer mei de nye jupe
oan en dy siet sa \'t hearde. De kastlein kaem wer in, en
Gepke liie hiar boadskip forriuchte, en sei dat se hird foart
mast. »Den wol ik jo in eintsje bringe." sei Sape,»ik liab
boadship oan jou." »Dat hoeft net," stammere Gepke sa
Invet, mar \'t roan net (lot, hwent it mast wol. Gepke wier
gled fen \'e streek. Sape hie hiar gau op side, it roan oer
Feankleaster. Ho er wiste dat hia hiere wenne, ho er in
biusterbaerlike bok sketten hie, troch nei Hepke\'s to rin-
nen , en mei dat er dit sei wieren se nionken boer Hepke
sin tün, en pof — dèr flcich roedend efter hiar in koegel üt
in gewear o( pistol oer \'t pcar. «Dat is op my munte,"
róp Sape. »Kom foar\'t liocht blixem , en ik scil dy stean."
Mar \'t bliou stil, en it wier to tsiuster om to sjen hwet
dèr in beamte oer de grcft skule. Gepke sei, »kom mei
hiu, dou bist hier net feilich." Sape woe \'t hiem op, mar
hy fielde wol dat dy it fit ut \'e wei set hie, net to finen
wier; hygong, en do er by Gepke memme went wier hie\'t
fanke de kreft net om de feint gean to litten , en do mem
de storie hearde, woe disse net lye dat de feint wer gong.
Hy wier to goed om formoarde to wirden. Hepke sin feint
dy noch finder wier as de boer, jaege wol, hiar tochte dy
scoe it dien ha. tMij is de tt\'raaA" seit de Heare, »ƒ& zal
\'\'t\'vergelden," der tinke se net om, sei Gepke mem. Sape
wier ringen tüs. Hy krüpte Gep op side en makke fen sin
hert gjin moardkülc , en dèr Gepke allike opriucht wier,
leien de hannen, dy in or to Feankleaster fielden, nou
foar goed tn in or.
It bliou net by ien komste. De alden fen Nyawierius benne
mei \'t boask in \'t skik. Hia siugge om in pleats, en oars
geane de jonge lioue earst in in keamer, mar \'t giet takomme
Maye oan.
2
-ocr page 20-
18
Hepke en hiar rekken er mal mei op de tromme, Hepke
is sint helte frómer wirden. Ily scoe wol fiïir en flam
spuie — mar den is Gep er wer, mei dy malle set dèr by
Ulaam to Stiens. En dat leit him it swyen op.
Gepke liet it nea in bertling forteld oars as oan my —
en ik koe \'t net svvye , hawar. Mar nou ha ik sorge de
namme fen it dorp net to ncamen, sa dwaendc is \'t doch
geheim. Hwet Ililtsje oangjit dèr fen ken ik yet meidiete dat
Hepke foar sin rekken in jongfcint stedearje lit ta domeny,
in earme skoenmakkerssoan, dy op hantaesten onthjitten
het, as er klear is, Ililtsje ta sin wiif to nimmen. En —
dèr hy in feint liket oan hwaens sicle hwet bard is — nci \'t
Hepke seit, scil men net hoeve to sorchjen dat hy er wer
foar omdrait. In de hope pastoarske to wirden , dyt Ililtsje
er mar op in , en het se in winterkip krige foar acht en
tweintich göune.
Sape en Gep meije \'r op sjen.
Dat Gep nou net mear by Hepke\'s nait, scil nimmen
Iremd fine.
Hwet in storie fen dat Sindingsfeest. En Gepke mem, <l\\
nou alles klear wit, seit wol: »Hie \'k in pear mofven to
lien krye kennen for Gep, den hie er neat to dwaen kacm."
Dat fielen fen waerme hannen — it jowt hwet to dwaen
op in Sindingsfeest.
Birgum,                        T. G. van der Meulen.
6 en 7 Augustus 1877.
FORFOLGH.
Do \'k disse stoarjc sa fier boekstavere hie , en wol op-
paste er neat ou noch ta to dwaen, om ik hald net fen
liigen, lies ik it stikje Sioukjo en hiar man — de sekle der
Houkje de mofven to lien frége — foar. Ik kom dér folie om
tröch dat de lioue gjin bern ha, meije se graech oer in prater.
Sioukje föun it moai, mar Dafe, Sioukje hiar man , dat in for-
sichtich man is, mei in klear forsten, makke\'r oanmerkingen op.
-ocr page 21-
19
Foar earst, »sei er," is \'t stik -- ho wier tk, in skam-
skoat foar de orthodoxen. Dèr mei jo oan d\' iene side care
mei bihelje, de woltinkende fint it net moai. It is gjin menske
gind om oarstinkende to beskimpen. Ben jou net orthodox
en ik net, dat komt dat \\vy onder oare omstandichheden
grcat brocht, ta in fry ondersik kaem benne, bieden jou en
min alden orthodox west, wy wieren dèr fen jongsou In
great brocht , en den hieden wy it fèst ek west. En scoeden
wy den net tsjin dat skimpen oan, helte steanfèstiger üs bc-
gjinsel hanhavene ha ? Stipet dos sok skrieuen de haet in
twadracht net? My tinkt fen wol. Krekt as Hepkeneidisse
slaeh in sin gemiente docht hwet er ken cm de bisondere
skoale hoppe de algemiene to kryen , sa giet it alle oarstin-
kende as se biskimpt wirde.
Nen ien gelove der buten."
Ik sei : »Dat ken sa wèse, mar jowe de orthodoxen ek
net janik mei \'t fordraijen fen de wierheit falske foarstellin-
gen fen üs liberaliteit? »Dat scil ik net tsjin sprekke" sei
er, »mar ha jou ruicht min to wirden as in oar min is".\'
Dit is \'t merk der wiere liberaliteit, dat it boppe l\'or-
skaet fen micning it wiere, ta lok fen alle menskcn stipel.
en hia bikreunt er hiar neat om ho se minachte wirdt. Hia
segent dy hiar forflokt, en dat jowt hiar de kreft dèr oer-
winningc. Net it skimpen rachgen en skellcn mar wierheit
in lteafdc."
Ik sei: »Nou jou praete er goed oer, wit jo hwet, den
lit ik dit stikje net printsje."
»Xou" sei Date, »dat scoe \'k mar rinne litte, it is nou
skriün , mar om jo sels scoe \'k jo rieden , to nei forsichti-
ger to wèsen, jou matte opboue en net slope, en dat dogge
jo as jo skrieue lik as nou."
»Mar dat se op\'e feint skealen, wier doch forflokte min"
sei Sjoukje.
»Dat ha jo goed" sei Date , »mar \'t is nea ut komd hwa
dat dien het , ek wit me net of Hepke dèr de minste sküld
oan het, it jowt v. d. M. it minste ruicht net om oarstin-
kende to to biskimpen. Ek is de ütering dy er Sape in e
inoele leit, dat de orthodoxe prekers de wierheit fordrinsje ,
is fierst to skerp. Dy menskcn scille hiar stellingc wol for-
dedichje, of is \'t ek op in forkeardc gróun, en as hia in
wierheit miene hwet se sisse den ha se in fry gewisse."
-ocr page 22-
20
»Se kcnnc onroogelik miene Invet sepreekje" sei\'k. »Krekt
sa min as dat de priesters it btgelove stipje , tröch de for-
sktnninge fen Marye to biféstichjen. llwet sisse jou Sjouwkje\'?"
* Us bcppe" sei Sjouwkje, »leaude oan tsioenen, hia koe
gjin kat by de widse sjen. Us mem wier sa folie 1\'oarut gien
dat hia leaude net oan tsioenen, mar dochs hie se it net op
katten stean. Ik ben wer sa folie fierder, ik leau net oan
tsioenen, en ik mei graeeh in kat lye, lik as jo siugge sit
ik nou yet mei ien op \'e skirte. Sa went it bigelove nion-
ken litsen fen sels ou."
».lusl," sei Date, »en ta dy foarülgong in \'t gelove en \'t
bigelove mei to wirkjen dat is \'t wirk fen de liberale. Mar
by docht dat troch learing en onderriucbting, den folgel de
oerwinninge fen sels."
»Nou" sei ik, sik tankje jou Date, ik scil er in les oan
nimme, mar ik scil min stoarje fen Gepke, mar jaensa\'tis."
»Ja" sei Date, »en dy er wol oer tinkt ken erütlearedat
in Sindingsfeest, hiel folie oare f\'olgen het as mennichien mient."
»,Ia" sei Sjoukje, »en dat de lieafde en fryerye der tagong
sikct, ho froed en fróm men elkor dèr forguldsje mei."
»Just" sei ik, »en dat er buten de prekers in bilte komme
dy mei \'t wit fen dat feest neat op ha, en er ek gjin bilang
in stelle. Mar elts siket er wille op sïn eigen wiise."
«En as \'t er alle fammen sa goed ou giet as Gep" sei
Sjouwkje, »dat se \'r sa\'n tsep feint oudraije , den is sa\'n
Sindingsfeest net om in noclit west."
»Wy wolle mar hoopje," sei Date, »dat alle pearen dy
liiar dèr forbine, lokkich wèse meijc, dat wier in kroane
foar \'t Sindingsfeest."
Sa eindige fis petear.
Ik hoopje mei Date sin les oan my winst to dwaen.
De groetenisse,
T. G. v. d. Meulkx.
25 September 1877.
-ocr page 23-
-ocr page 24-
Bij T. O. van der JIKL\'LiKX,
TE BE R G ü M ,
kan worden ingetcekend op het: i Weekblad voor
hel Kanton Bergum.",
dat door veler medewerking,
oorspronkelijke stukken levert, en op verzoek een in \'t
friesch geschreven feuilleton bevat.
De wijde kring waarin dit blad circuleert, biedt
een doelmatige gelegenheid aan voor adverteeren.
Prijs per halfjaar, franco per post ƒ1.60.