-ocr page 1-
\'ftfrffii b\\               \'
\'t
MYN EARSTE WIRK
■•- *s- •
At xi*}» \'\'"\'}\'■\'"
"
v- -
I :   i
. ^ \' -
DAEGELIKS LIBBEN
\\ i
■.-" I\'
?&
>
TROCH
c .
■ •
1 r
V.
. \\
•__ * es
T. H. 0 YKSTH A
, ■                                              t» Ortnifew\'i/il.
\',
-ocr page 2-
. /\'
m
■>
*C *-\'                                    \'-\'\'■\' - ■
&è$c\'
- \\ \'-•
-•".:. > -. ■-.■ »■■: -. .,
\\
\'Si-
. ">\'
V
■-s ■■-\'
<h
-ocr page 3-
f£c> ~K & *
MYN EARSTE WIRK
iit ues
DAEGELIKS LIBBEN
TROCH
T. H, BYKSTRA
to Oranjewdld.
-ocr page 4-
-
-ocr page 5-
HWET PEN MYN JONGESJIEREN.
Berte ben \'k yn Haskerlan,
It plak is flekke Jouwer
Myn alden wennen ticht by \'t san
Yn de steeg fen Brouwer;
\'t Wier noch yn de iere moarn,
Midden yn de simmer
Der kaem ik sa betiid al oan ,
Oer dei den wier \'t noch slimmer.
De earste dei, do keard ik mei
Gjin harke yn \'e han,
Myn heit, dy keard ik fen it lan,
Do hier dy oare drokte,
Went do him det gelokte ,
Det ik de earste jonge wie ,
Der hja wol tvva famkes hie,
Do wie \'r danich yn syn skik,
Syn heit to naeme kryge ik.
Mei trijje jier, do wie \'k sa fier
Nei tante skoalle ta,
Der scoe vut oan les fen ha,
Ik kryge ek al onderrocht,
Mar deroan hie \'k volstrekt gjin nocht,
Ik learde oars wol adich oan
Ondoaginsheid, ik wier bedoan,
Ik koe al adich skelle,
■ . . Det kin \'k wol fortelle.
Mar tante, hja hie my gou oer,
-ocr page 6-
4
Went yn my syt net folie stjoer,
Det blykt do ik by master kaem,
Dy \'t ek al malle gau fornaem,
Urn \'t ik noch gjin letter koe ,
Mar och, as \'k mar hwet leare woe.
Dy master wie oars net forkeard,
Mar och , dy jonge learde neat,
En \'k skoe sa tiege leare,
Ho koe \'t sa mal beteare,
Do leard ik by him fjouwer jier,
Do wie ik dochs al wer sa fier,
Ik koe dy lietste bern al knoeie,
Den kaem det er ek noch by,
Sei wol faek myn heit tsjin my :
Fen undoagensheid net groeije.
Hwet wist ik fen undoagensheit,
Ik gung dochs üt to learen,
Hwet krig ik sums ek raer bescheid,
Eu kniepen yn myn earen.
Sums ek wol danich mei ien stok
En by de turwen ien it hok,
Sums dan stunt er sa mal by ,
Den houde master my
By al de oare berntjes wei,
Det wier myn, straf saen heele dei.
Ik kaem do fen dy skoale ouw,
Min brochte my by master gouw:
Det wier ien alde griese man,
Hy draegd ien prük en bril.
Mar hier nen rocht forkearde van
\'t Wier
ien doof en styfe knil.
-ocr page 7-
-
o
Der leard ik skrieuwen mei de pinne,
En den op wiit pompier;
It gung de selde gong wer hinne,
Ik learde net ien sier ,
As springe op \'e vlier en banken,
Det learde noch al licht,
Det hie \'k dy alde man to tanken,
Mar scild oan syn min gesicht.
Syn stokken dy koe \'k goed opbergje,
Det koe \'k behindich dwaen ,
En den dy lietste bern wer tergje,
En \'n patje tiege slaen.
Det wier myn wirk sahwet yn skoale
Deroan hie \'k tiige nocht,
Mem sei wol faek saen greate voale,
\'k Wit net hwet dy \'r docht.
Ik krige sums ek tsjokke kniepen
Yn d\' earen en yn \'t vel,
Den gung it jamk ek up in liepen,
\'t Bloed roun er faek bydel.
Det kaem net det \'k tiege learde,
Och hear ik, fier fen deth,
Det master my sa faek besearde,
Den nar ik d\' oaren hwet.
Ien kear op ien Freedtomoarn,
Do skild \'r wit \'k nog vry hwet oan;
Fjouwer fen dy lietste bern,
Koe \'n j\' oars neat as jisk oan sjen;
Fen de greatste jonges krig ien stoer,
Den moest \'k dy famkes achter oer
-ocr page 8-
6
Yn in bak mei jiske flappe,
Ik tochte det kin \'k adich lappe;
Det slage my sa moai as \'t koe,
Mar och, hwet schriemd\' dy famkes doe,
Mar ik roan ringen mei de stoer
As ien kat de buren oar,
Sadwaende wier ik mei in veag ,
By myn volk ynne Brouwersteag.
Nou hie \'k den oars al vry hwet leard,
Summen mak ik rocht forkeard,
Ik wist det twa kear twa wier fjouwer
Det leard ik ek al oan \'e Jouwer,
Myn naeme koe \'k mei moeite sette,
Myn heit, det wist ik, hjitte Hette,
En lesse a, b en c nog by,
Do koe \'k al \'n heele boel tocht my.
Do moest ik nei ien handwirk ta,
Went mear nei skoale koe \'t net sa,
As \'t der den noch hwet betterkoe
Det \'k sa den noch hwet leare scoe.
Myn mem wier einliks mei my oan
Myn heit wier yn dy tiid ek stoarn.
Wer scoe se mei my hinne;
It carste nei ien koeper ta,
Mar der bedoar \'k it schielik sa,
Dy joeg my der fen dinne.
Ik hier syn fjirders gled foarbran
Der hier earst sa\'n wirk fen hawn.
In noch twa kiensens vetten,
Dy hie \'k oer \'t fjoer forgetten.
-ocr page 9-
1
<
7
Fen syn ritskip hie\'k al wei.
Der makke \'k harketynen mei.
En den syn nije byle
Hie\'k heel en doch to fyle.
Do scoe ik nei in nije baes ,
Mar och hwet wier \'t my der \'n geraes.
Der wier it algear draeijery.
Der wieren heele klokken bij.
Hwet in redden, hwet in tsjillen,
Slachamers en noch greater spillen.
Ik tocht hjir mat ik wer wei,
Om myn part al is \'t moarn de dei.
Went der bedoar ik foat sa folie
De oare deis de baes syn holle
Wier tsjin my sa fier forkeard,
Ha \'k dy sa it fieljen leard.
Ne baes went bin je deis net thüs,
Den fielje ik al jou güd oan grüs,
\'kWit noch wol det Pieter Saekes
Nydich wier, mar och, ik laeke\'s
En gung stiltjes der wer wei,
Sonder det \'k myn mem it sei.
Touwslaan moest ik neityd leare,
Bij de smid moest ik foarkeare;
Touwslaen hie \'k gouw yn \'e holle,
Went ik draeid\' det red sa folie.
Det it den noch hirder gung,
Det it touw oan alle flarden sprung.
Nou den hie \'k al gans fortsjinne,
Fen iuj ou koe \'k den hwer bigjinne;
-ocr page 10-
8
Tha lean, krig\' ik jouns mei dy stringen,
Det ik hele greate ringen,
Sa mar um myn lichaem hier.
Ik sis det \'t mear as skande wier.
En \'t smeijen der net fen to kleijen,
De baes wier vrij om my to jeijen,
Fen det \'t wirk siekte mar san skiën,
Kaem foart ta de winkel yn;
\'k Hier ringen der al sa\'n besluet,
Achter gunk \'k er dalik uet.
Went oars hier do myn Reinder omke,
Mear as sachjes my bitomke;
Hy wier in tsjirl tige handirh,
Mar by tiiden onverstandich;
En \'k wist wol, der hy ieser hier,
Det sear my op myn ribben die.
Verfjen leard\' ik en ek bakken,
\'k Wit net krekt mear hwet in plakken
As ik net betstjinje scoe,
As ik mar hwet doache woe.
Mar je mis den jouns op \'e strjitte,
\'t Hier my nei tiid jamk bigritte.
Der gong \'t soms ek lang net stil,
Whet ik hwet fen sisse scil.
Den hie ik fen dy eintsjes touw,
Hja wieren net sa malle grouw,
Den hie \'k in jonge oer \'e strjitte,
Der de froulju oer falie litte.
Det gung sums ek lang net goed ,
Sims den kaem er frjj hwet bloed,
-ocr page 11-
9
Den voelen hja sa mooi foroer.
Sa\'n lientsje kost ues mar in stoer.
To slim om \'t algjear to fortellen,
Hwet in kroalen, hwet in bellen
Fleagen den de bürren oer,
De measte fammen wieren poer.
En stik\'ne glêsen by \'t dosyn,
Dy keild ik den mei stjinnen yn;
En seach min den ues ald eksteur,
Den kaem de man hwer yn syn fleur.
Den roanen wy sa hird as foksen
Det ues gunsde yn \'e boksen,
Nei de bakker Penninga,
Den moest dy er wer fen ha.
Den hie \'k gatten yn de sinten,
\'k Kochte fen him koek\' en krinten,
Den in tige fyn ein touw,
Sa helle ik dy sinten gouw,
Fen de twambank nei my ta,
En noch mei flaeike in grapke ha.
Mar och, hwet folie fen dy setten,
De measten bin my al forgetten,
Ik hie de skild, as wier \'k ek frij,
Den wier \'k er sims net ienris by.
Mar \'k wit dat er noch minsken binne,
Dy \'t my der noch goed fen kinne ;
Ien plak bleau noch for my oer,
Ik rekke ringen nei in boer.
Der hie \'k it measte noeht noch oan.
Op biren wier \'k alhiel bidoan,
Hwet wieren do de Jousters bly
-ocr page 12-
10
En by de boer gung \'t goed mei my.
Meltsje det koe \'k goed , sei hy ,
Det wier foar myn dwaen tige\',
Mar det oars dy boer oan my
In raer persealtsje krige.
Hja frég\' me as lêse koe ,
En sei er: kinst wol skrieuwe ?
Det hja my algear leare woe ,
Oars koe \'k net by him bleauwe.
Hja frége my de rekkenkunst,
Det moast ik nedich leare,
Oars blounk üt aller minsken gunst
En by gjin mins forkeare.
Do kaem ik oan it dielen ta;
\'k Wier do noch net sa ald;
Nou diel ik krekt as folie sa ,
Det \'k sels it meast wol hald.
WIRDSJE OAN DE BERN.
Och bern wol noait de tiid
Net lyk as ik forslyte ,
In as min alder wird,
Jins sels den net forwyte.
De lessen fen jins folk,
Dy mei wy noait forjitte,
En master synes foral,
Net efter bleauwe litte;
-ocr page 13-
11
Dwaen det met alle nocht,
Den kin min letter sjen ,
Hwet goede minsken jowt.
Fen foarge jonge bern.
En dwaen \'e jim it net,
Hwer scil it den bedarje.
En neitiid jimme noait,
For selsforwyt biwarje.
%\\ï tik mei fefatat rtnjkt, fatum
Wa hae \'t er altiid oan jit nocht,
D\' is hwet min heart ef hwet min sjocht,
Jit altyd hwet to krijjen,
Den wer oer my, den oer ien oar,
\'kWit net ho min altears sa doar,
En faek oer \'t stik fen vrijen.
i
In lest for neat hjir yn \'e wrald,
Dat gjit by jong en ek by ald ,
\'t Is aklik hwet min babbelt,
As elts syn eigen balke seach
De splinter yn ien oar syn each ,
Den wyt hwet min oars rabbelt.
Mar \'t gjit mei üs al folie sa.
Dat oergunst wrok de oerhan ha,
Wist min det mar to mijjen,
Sich elts mar ien syn eigen tüs,
\'t Leau siiker wier don past it üs
Om fen ien oar to swijjen.
Sa seach yn \'t bied fenHepkema,
-ocr page 14-
12
Hwet nocht as hjir de fammen ha,
\'t Is my noch net forgetten,
Det bljouwt net iens by praeten mar,
My tinkt det is net moai fen hjar,
Om \'t up pompier to setten.
Den hie \'t yn heele boel er fen ,
Sa skuw oan üs dy kranteman,
Oer brefkis sonder naeme,
Dy woorden skrun oan ien mynhear,
Dyt by simmer hjir forkear ,
En up ien jiffer vlaeme.
Missciin tink jimme nou wol sa,
Hwet wehlig sal wy nou wer har?
Ues hjir de wetten stelle,
Ei né, det wie myn doel oars net,
Mar \'k hie my dochs ien plan foarset,
In effen hjir fortelle.
Nou sieker wier ek wist det net,
Mar \'k hearde wol üs bürwiif Tet,
Dy hie \'t wol ien \'e kieker,
Det maskerke saen vrijjer hie,
In al hwet heal begritlik wier
For d\' oare fammen sieker.
Sa roun ek lêstenjouns trocht gea,
Der heard ek wet oer \'t selde kwea,
Mar \'k neam se net by naemen,
Der wienen troude froulju by,
Ja seinen noch al gans tocht my.
Fen de Terhenster fammen.
-ocr page 15-
18
Min hie hjir gjuds sa kraes sa kein,
Dy seach min hjir ek eltse snein,
Wol lans de buren draeijen ,
Mei fry hwet krollen ien hjar hier,
En \'t lyke jiffers nei de swier,
En krekt as rins up aeijen.
Sa heard ek hie min der ien faam ,
Dy kryge jit vorziik, det kaem
De oaren ien hjar eare,
Sy kryje fen gjin feint ooit vraeg,
Mar wolle den oars ek wol graeg
Mei saen tsjeb feint forkeare.
Ei nou det scoe jins ek sa gean ,
Hwet scoe \'t jins alde Iju oanstean ,
Ien feint dy \'t iin lans saeken ,
Dy vrijt nou om myn dochter hjer,
Der bin se mei ien \'t skik sie der ,
As bint oars fremde siraeken.
De feinlen bin der fest net goed,
Ef ha se net sa folie moed.
Dyt nei de fammen tigchen ,
De feinten bin der oars net min,
Mar inkeld krijt er \'t ien yn \'t sin,
Dyt der ien set up weagen.
Nou wit min det voarüt ek net,
Saen moaije faam der sin oan het,
Mar feinten ha ek sinnen ,
Sa heard ek det det vroumis sei,
Mar sokke fammen jaen ik wei,
Dy moaije wiise hinnen.
-ocr page 16-
14
Mar letter heard ik wer ien set,
En vva ast docht det wit ik net,
In \'t is my liike folie.
Mar fammen \'k ried ta jimme best,
In set vut oan san aklik lest,
Mar üt it hert en holle.
Wes net begreatelik fen oad,
Bekladsje min foarkeade daad,
Up jimme earde suster ,
Went \'t wut er v\'ral net better van,
In oars seit skielik alle man,
Wat dwaen üs fammen bjuster.
Nou is det oars ek net sa moai,
En \'t jouwt foar troude lju gjin roai,
Um der ien um to rieden,
Lit det mar oan de jonkheit oer,
Min makket faek sok volkje poer,
Forgees sok bloed oan \'t sieden.
Onthoud nou disse les fen my:
Lit vut oan faem en feint mar fry
Yn \'t spil fen vrijjen blieuwe,
Der sjocht elts foar him sels yn ta,
Wy wol sa\'n motterij net ha,
Jin namloas brjifke skrieuwe.
Ik wit noch wol do \'k vrijer wier
En altemets in vryster hie,
Det wier sa\'n aerdich wirkje,
Den vrijd\' ik wer mei Syts ef Tryn,
En altemets mei Griet ef Styn ,
En faek mei Tsjallings Dirkje.
-ocr page 17-
Och fammen , dwaen raar krekt as ik.
Wês net to karich great fen skik,
Lit oergunst foatoan wyke;
Den sisse wy hjir yn üs gea,
Fen gjin Terhenster faem wer kwea,
Lit elts mei feinten stryke.
DE ALDE FISKER.
Skelte, dy in fisker in derby noch ek ien fen dy
stiive alderwetske Friisen wier, sa min noch sims
inkelde fen dy alden oantreft, woe al folie syn eigen
sin dwaen. Syn greatste nocht wier, mei \'t boat
yn \'t wetter omdobberje, en syn breawinning fisk
fange.
It jinge net fen syn bistean, der woe\'r gjin
praet fen heare. Hy wier nog ald feint, en libbe
altyd yn selskip fen in hoan, dy de namme fen
Schut hier. Domeny, dy in great ljeafhabber fen fisk
wier, kaem yet wol ringen to praeten , om troch
in fiks praetsje de ald feint yn tsjerke to krijjen*
Folie fen syn libben hie er de tsjerke stean sjoea
en foarby west, mar noait hie er wyten; ho folie
koal er fen binnen yn forkoft waerd, noait lre\'r
der nog yn west, nou hie er him forskate kearen
fortelle litten, dy yn \'e tsjerke kaem en forsoenlik
wêse woe, ek yet wol in pear sinten yn it ponkje
dwaen moast, en op dy syde hoefde min de alde
net oan to kommen.
Op in dei, det Skelte oan it foekenaeijen s iet,
kaem domeny der wer oan. „So, bist der al wer,
jue ?" „Ja", sei domeny, „daar kwam mij straks
-ocr page 18-
16
zoo iets in de gedachte van de Galilésche visschers."
„Ja", andre Skelte, „dy hawwe hjir jister moarn
yet west, to seintoaijen, mar ik haw se raer üt it
lange gears wei rinkel e, det scil \'k dy wol sisze."
„Ei neen", sei de preakman, „jij verstaat mij niet.
Ik bedoel zulke visschers, daar wij in de Heilige
Schrift van lezen , en in de kerk verkondigen , en
als jij daar nu eens onder mijne toehoorders waart,
dat zou mij heel aangenaam zijn." „Hwet seiste ,
jeu", en omdet de fisker de hollanske tael net for-
stjit, moest hy yet wer sweachje. „Als jij nu in de
kerk gean kunne, sal ik er folie mear van vertellen";
domeny forbriik syn tael hwet, en Skelte miende,
det domeny oer syn bürman, Tsjerk Jeans, praete.
„Det dwaen ik net", sei hja, „lit dy tsjirl sjen, det
er sels fisk kriget, hy het Schut mei in groue stien
op \'e kop smyten ; ik kin dy sisze it wier allegeare
bloed, en scoe \'k den him ek yet fisk bringe ?"
„Neen", sei domeny, „jij verstaat mij niet, ik meen
in de kerk." „O , so jue, ho folie poun wounen
jimme den hawwe; snoek ef iel. Blei haw ik op \'t
heden net, en müdhoan ek net; en do ik fen \'e
moarn myn foeken by it tichtset ftindie, sieten er
twa fol stjinnen. Mar dou praetste ek oer nacht-
miei , Jan (sa hjitte domeny) , mar ik en Schut yte
üs jouns sêd en den gean wy liszen. Wy wolle
nachts gjin frettery halde, en aste moarn ier to
Snits komste ; den koeste wol efkes tsjin Borneman
sisze, det ik syn fisk bringe scil, en sjoch den ek
effen by Langkwast, as dy ek yet ha wol; ik haw
yet dikke mast sisze , hear. Me tochto detst nei hüs
gungste, hwent wy matte nei de setangels yn Jentsje-
mar. Den kinst Sneintomoarn wol komme to kofje-
-ocr page 19-
drinken, det altyd wêroan preekjen is mar gekheit;
hwent as dy selde lju trou komme, en dy yet net
Ijeuwe wolle , hald den mar hird op, den is it doch
mar gekheit en oars neat." Domeny gung foart,
mar mei it plan, om yn \'t koart wer to kommen.
Op in goede dei, det domeny wist det de fisker
thüs wier, stapte mynhear wer moed op de ald
feint ta, dy oan \'t foekenaeijen siet.
„Bist der al wer, jue, do flochtst ek altyd mar om.\'»
„Ei ja", sei domeny, „ik heb nu aardig tijd te spre-
ken over visschen." „Wel God doarje Jan" , sei
Skelte, „ik hab fen nacht yn Douwessleat in snoek
oan \'e setangel fangt fen fjirtsjin en in heal poun,
hwet seist der fen. De stok wier fordomd yn \'e
midden troch britsen." „Wel zoo", sei domeny,
„maar ik heb visschers gekend , die met de netten
vischten dat ze het haast niet trekken konden , zoo
vol visch waren ze." „Dy wealich Jan , den wolle
wy, ja ik en dou, der ek hinne jue, mar den mat
üs net nin brik yn komme,|hwent den helpt üs yet
neat. Wer is det plak je ?*\' „Jonge ik weet raad,
kom den Sneintomorgen in de tsjerke, dan zullen
wij de tijd en it plak ouspreken, forstean jo my yet
wol?" „Ja, noust dou sa goed üs tael sprekke
kinste , nou begryp ik it al, mar dan mat de oaren
det net witte, oars koene dy der yet ek gebrük fen
meitsje.", „Daar zal ik voor zorgen", andere domeny.
„Mar Schut is sims wol hwet lilk" , sei de fisker.
„Daar moet jij op passen , en houdt die onder de
bank"; en de man dy noait yn tsjerke west hie,
onthjitte foarfêst oan domeny to kommen , op heap,
fen in goede fangst stapte de fisker nei de tsjerke
en hie\'r syn tredde pypfol tobak omtrent ta \'n ein
2
-
-ocr page 20-
18
smaokt, do domeny yn tsjerke kaem. „Dy duvel
Jan hwet bljouwste lang jue, hwet haw ik al lang
op det plak wachte , detste my sisze scoeste." Nou
wier dy moarn hwet ryklik folk yn tsjerke. Omdet
hja wisten , det de fisker er ek yn wier, rint er in
jonge de streek lans „in snoek yn \'e skeakel, ek in
alde fen trijensauntich poun." Do domeny yn syn
foarouspraek efkes oan helle hie: „werp het net aan
de andere zijde", hwent de preeker seach wol, det
de fisker al fréslik op it gat om riid, fljocht Schut
onder de bank wei, nei in fanke , det hjar klomp
ütfalle liit. Nou rekke det greate bist mei de kop
en de foarpoaten yn in hoepelrök fortiisd, dy do
des tiids de froulju droegen , sadet er yet twa stoven
mei testen onderst boppe smiet, en in greate stoarje
onder \'t preekjen to weach brocht en de fisker frij
hwet wirk mei syn hoan hie , seit tsjin domeny:
„hald de bek effen, Jan, ik scoe op \'e hoan passé,
mar dou meist de oaren alles net fortelle, det hast
my omthjitten, en it oare kinst my thüs wol sisze."
Mar domeny liit mar ringen sjonge fen „hoe vrees-
lijk groeit , o God!" en hwet er by heart, en kon-
dige dernei syn tekstwirden ou , en det wier: „in
het huis mijns Vaders zijn vele woningen; ik ga
heen om u plaats te bereiden!".....„det liegste
as de greatste skelm, hwent ik haw dyn faer wol
kind, en dyn pake ek goed; dy hie mar in ald hüs
mei in stüpe er foar en rustrige fjoerpoat op \'e hird.
Kom Schut, wy gean fao t de man liegt!"
-ocr page 21-
19
8ton$n$ %iz\\t op toalf <f tmt fm iqx mtztfty.
De earmoed , och , begjint al wer ,
Hwet is \'t in aklik tiid sjoch der,
En \'t wird yet folie slimmer ;
De bern tsjier\' en flokke fen kom sa,
\'t Gjit suver wer op \'t selde ta,
Krekt as forlyne simmer.
Hwet het min al in aklik krus,
Sa\'n lange dei de bern mer thüs,
Ik mat al hwet bilibje ;
Sa klei ik ider eagenblik ,
En earemoedsje; \'t is in skrik;
Ik mat mar altyd kibje,
Deis gean de manlju nei it lan,
Mei harken , foarken yn \'e han;
Ik bijou er mar foar sitten.
Den kin \'k mar kibje en mar slaen ,
*k Haw suver oars hast neat to dwaen,
As op de bern to fitten.
Det slacht en fljocht mar yn oar om,
En... as ik mei in ryske kom
Den sette s\' it op in rinnen ;
Den sit er wer ien yn \'e sleat;
Hwet binne dochs dy bern forkeard,
Ris neat oan to bigjinnen.
Den slaen se wer de glêsen yn,
En Jaring terget Sake Tryn ,
Ik ha \'r hwet mei to stellen.
Se skurr\' eltsjar de klean oan grüs,
-ocr page 22-
20
En deis den sit ik yn sa\'n krüs,
Hja bljouwe dom as kjellen.
Klaes hie de poat mei brij lést deis
En Jan in great stik rikke fleisk
Yn \'t baergedrinken smyten,
Hjar Jaen , de haon, in stik fen \'t spek.
\'t Is foar ning haon gjin baergebek
Mar foar in minske t\' yten.
Ik bin er altyd ek net by,
Mar \'t is in aklik tiid foar my,
Det doch ik jimme wyten,
Ik wyt my sels faek hast gjin rie,
Omdet \'t de hoan syn j ierdei wier ,
Jowch \'k de bern spek to iten.
Ik haw dochs ek mar effen san,
Dy jow my wol hwet oan \'e han,
Der ha \'k hwet mei to kletsen;
En \'t bin dochs allegear myn bern,
Mar om \'t sa langer oan to sjen,
Ik haw myn nocht fen \'t swetsen.
Den klei ik jouns wer oan myn man:
Och hea noch ta, ho mat it Jan,
Skjin bin \'k er my forlégen,
De bern mat wer nei sckoalle ta,
Hwet scoe we den in nocht wer ha,
Det wier foar üs in ségen.
Nei skoale gong se elts syn bar,
Sa is er oreljier faot mar,
Deis ek mar treddeloere ;
\'t Is net foar neat det ik sa klei
-ocr page 23-
21
En det de heale lange dei,
Hwa scü de bern sa stjoere.
Moarns den kin \'k de greatste bern
Wer nei skoale ta gean sjen;
Mear kin de man net bergje.
En het de klok ien ure slein,
Bigjint hja mei de jonger ein,
En master net mear fergje.
Der bin sa ryklik .«auntich bern
Der de helft net yn skoale kin ,
Mei earemoede sitte ,
Ik ha foar neat net sa\'n geklei,
Ef tink\' jimm\' det it sa mar mei,
En alles slüre litte.
Min makket ek de master min
En as \'t den langer sa mar kin,
Wudt dy de skult ta smiten,
En leart de man ek net sa best,
Den wiit it faek noch up it lest
Him foar de kop forwiiten.
Det mat yn dit gefal oars net,
Omdet de man ambysje het,
In nocht um bern to learen,
Min kin \'t wol foar jins eagen sjen,
As det nou net foroare kin,
Hwet helpt den syn studearen.
Der lai al lang \'n plak groun foarklear
Mar det wud nou noch eltsje kear
Wer troch det fé oufretten,
D\'r is ek noch neat gjin san oerbrocht,
-ocr page 24-
2:>
En stion der woar ek net um tocht,
\'t Is allejer forgetten.
Ef skilt det faeks oan üs bistjoer,
Gjit derom mei it bouwen oer ,
Wa kin my det fortelle ?
Wer is den \'t oarste jild wei foun ,
En oan de alde eigner joun,
Wer is det jild wei helle ?
Ef woar er faeks noch up fortroud,
Let Sintneklaes ien skoale jouwt,
Wer kumt it dochs fen dinne?
Wy binne hjir det slüren ba;
Mar scil wy greater skoale ha,
Den mat se er mei begjinne.
Ef moat de steaten det net dwaen,
Moat dy üs hjir in skoale jaen?
Mocht Sintneklaes üs blouwe ,
Den mei \'k wol nei de keuning ta,
Wy moat ien oare skoale ha,
Us bern mat lêss\' en skrieuwe.
Ef skilt it oan üs persoanniel ?
Betelje wy net goed üs diel,
Det freachjen ek de alden,
Mar o det het üs faeker let,
Ja wit mei boer in kamenet,
De skoalle wol to halden.
Ef mat wy langer oan üs bern,
Oars neat as domme bargen sjen,
Det bin ek raere winsken .
As weinje wy hwet achter-ou,
-ocr page 25-
23
Den sjocht ien oar yet ek al gou,
\'t Is doch hjit slach fen minsken.
Och alden stel ós nou ris foar,
Us bern dy scil ris nei ien oar,
Den krij we det to halden,
Hja learden yn hjar berntyd net,
Nou is \'t yn ienen mar to let,
Den leit de skild oan d\' alden.
Wy ha yn üs grietnije bern,
Dy yet al gans fen \'t franse sjen,
En \'t Dütske ek noch leare,
Fen \'t Ingels bin se ek net fry,
De gymenestiik der ek hwet by,
Wet soeden üs bern beare.
Wy needje net saen heegin-ien.
Behoarlik wei fen kalk in stien,
Hwet hout en ek hwet yser,
Det hoeft sa moadrich net yn \'t fjild,
Bisparet fen \'t onnutte jild ,
Us bern dy wudde wiiser.
Forgjit de lange dagen net,
Den is er gau ien skoale set,
De timmerlju hwet machtig,
En as ik jimme ryde mei,
Forgjit den net de langste dei,
En klear yn ien en tachtig.
Den sangerje \'k gjin oare mear ,
Hwent sjoch \'k de nije skoale klear
Den scil \'k myn lilkens stille,
-ocr page 26-
24
Den kin min schielyk oan üs bern,
Noch ek ris hwet goeds fen sjen ,
En master het ek wille.
Wy ha nou gouw de tiid wer han ,
Det folie fen de boerestan ,
Dyt koe die woe hwet slachtsje,
En ek wol fen de boargery,
Der het min ek wol minsken by,
Dyt hjeastmis derup wachtsje.
De iene in schiep , d\' oare in Drint,
Sa as it slachtsjen faek begjint,
Det vien ik net onarich,
Min het er ek wol boeren by,
Dy slachtsje hele dikke kij,
En simmichge ek ien baerich.
Mar o aren hawwe yet ek wol,
Hja slachtsje lang gjin tontsje fol,
Omelet se det net kinne ,
Gjin iens in schiep en ek gjin keal,
Mar bin sa earm as in svvael,
Wer mat den sokke hinne ?
Hja mat der stellich ek mei ta,
En scil we den ien winter ha,
Det \'s fêst ek net fen \'t beste,
Den heart min faek net eltse dei,
As jerremoede en geklei,
En nachts mar sjover reste.
-ocr page 27-
25
En ek gjin klean oan foar de kjeld,
Mar schoai in patje mei geweld,
\'t Bin allejer gjin Lame ,
Mar sokke ite simmerdei,
Den krekt sa hud it jild wer wei;
Fjj, \'k hie me ljeawer schaeme.
Mar och, djr ljouwe slachtsje net,
Hja krij ek net to folie vet ,
Det kin Tc ek net forgjitte ,
En ien dy \'t better barre mei,
Dy jaen oan sokke ek hwet wei ;
Min mei hjar net forstjitte.
Tsjal Oebles sei: ja bürman, nou
Freed, den slachtsje wy üs kou,
En dy scil Folkert slachtsje ,
En nijje wieke kin \'t gjin kwea,
Den mat ek wis üs bargen dea,
Den kin \'k mei keapjen wachtsje.
Hwet ha \'k in flêsk en spek al kocht,
Derfen hie \'k sa skjin myn nocht,
Det kin \'k jo wol fortelle,
En \'t kost me ek mar fryhwet jild,
Det adich by forlien jier scilt,
En yet net mar bistelle.
Forlien jier seis, ja yet ien stoer ,
Kocht min sums flesk net rare djür,
Det keap ik up \'e Jouwer,
Den kaem se faek wol by üs doar ,
San sturen jild it riesel smoar;
Mar nou, gjit fryhwet grouwer.
-ocr page 28-
26
Ien slachter jouwt sums oan in boer,
By \'t libben ek wol achtjel stoer,
\'t Het ek gjin roai noch lieke,
My tinkt saen man is mear as gek,
Saen djüre ienkeap foar it spek,
Der hja de kost mei siike.
Den kryt hja sims \'t beskiid der by,
Né slachter, hjoed mar net tinkt my,
Mei \'t aadsje op \'e nekke ,
Den jouwt suk sjouwen ek al neat,
En \'t ston foar slachters ek forkeard,
Hja scil er net fen sprekke.
Sa kaem by üs ris fen de klai,
Ien boer mei \'n hiele boel lawai,
Yn \'t wetterlan to wenjen,
Hja molk sa\'n stik ef fjitsiin^ kij,
En brükt er ek gjin boden by ,
Den wie hja fry fen ljenjen.
Nou is \'t ek al in jier twa lien,
Do is \'t de moarns der nüver gien;
Dy boer dy woe hwet strüpe.
De bürman gung der gou op ta,
Gjit op \'e klai it slachtsjen sa?
Jins moed scoe jin bekrüpe.
Dy man hie \'t mes klear yn \'e han,
Det hie \'r slype mei forstan,
Wer bürman kwea üt tochte,
En as min al hwet tsjin him sei,
Hja hearde siiver nearne nei,
Hwet as min him ek brochte.
-ocr page 29-
27
Syn wiif wie al fen \'t hiem ouflein ,
Mei \'t bern al nei de bürman tein,
Hwet wie hja fen de wiise;
De boer dy raesde: hy scil dea,
Troch niidich wie dy man en kwea,
It scoe je wrichtig griise.
Min sochte ek al by syn kij,
Mar der wier ek gjin slachtbist by;
Do ward net folie better,
Ien baerich hier gjin ien der leth,
To minsten dy wie lang net vet,
En ek gjin siedend wetter.
In slaechtbank ston er ek net klear,
En hakstok hier, ek net ien mear,
Hwet hie min nou al siike,
De boer wie raesend by de rus,
Mar hie oars ek net ynne hüs
Det up ien slachtbist liike.
Do fraegden alden oan hjar bern :
Hwet is hjir sa betyd to sjen,
Wer scil dy man dochs hinne,
Sleat yn, sleat oer, sich min oer \'tlan
Ho
hud as der in tsjirl roan,
Hwer kaem dy doch fen dinne.
Hy roan haest hudder as hy koe,
As hy syn libben halde scoe,
De boer dy woe him snije,
Mar hja koe hudder as de boer,
Sa hald de man syn libben oer,
Gjin slachter koe him krijje.
-ocr page 30-
28
Min reisge hastich nei Langwar,
En helle de polysje mar,
De slachter altears sochte ,
Syn bargjen det wist ek noch rie,
Dy \'t hokje sels noch sletten hie,
Der baes sa net oer tochte.
Sa gouw as de polysje kaem ,
En \'t great spiktakel der fornaem,
Do woe de boer wol wachtsje;
Hwet scoe je mei dy tsjirl dwaen,
Woe\'n jou dy man in deastek jaen ?
Dy meije jouw net slachtsje.
Sa is \'t nouw in tyd lang gien,
Do is er gans oan \'t slachtsjen dien1,
Ek onder folie boeren,
Hja broachten faek ek folie mear,
As iin past oan hjar lanmynhear,
Sa is \'t ek noait to stjoeren.
De \'t folie boeren ek net past,
Det pountje büter \'n stoater kost,
Der scil z\' net lüd fen roppe ,
\'t Mei wol wer up de alde foet,
Den gjit \'t de measte boeren goed,
De goede tyd hwer boppe.
Hwent oars den kin wy det wol sjen,
Det de ien d\' oare slachtsje kin,
En \'t jouwt in rare maeche,
En derom tinkt my net mear sa.
Mar bliid det wy it libben ha
En wy mat eltsjoer dreache.
-ocr page 31-
U9
Den fait it libben üs net swier,
Den hawwe mei eltsjoar plesier,
Det is nei myn sin \'t beste,
En derum tocht ik disse joun,
Hie \'k dit net onadich foun,
En litwy \'t slachtsjen reste.
£)e fuem fm in 6km§ éiiUen.
To Riskenbirch der wennet in man,
Mar kwea forneamd, bikend als Jan ,
Hy melkt yet al forskate kij,
En hynsers hald er der ek by
Om se daegeliks to brüken,
Hy past ek tige op syn fé,
En hie er den syn waer wer ré
Den h\'r sims yet gans to lüken,
Mei in weinfol nei de wykmerk ta,
En wol min den syn güd goed ha
Den wier er fréslik op syn skik;
Den ropt er wol sa lüd as ik.
Mar in boas wyfke hier er ek ,
En hja is op dit eagenblik
Wol aerdich by de pinken;
\'k Mat sisze \'t is in flinken.
En den forskate greate bern,
Dy er komt dy kin se sjen.
In dochter onder alle
Scil elts wol goed bifalle.
Dy faem woe eltse feint wol ha,
-ocr page 32-
30
Hvvent mannich feint dy spriek hjar ta ,
Ho as it hjar ta lyke.
As hja hjar is forsyke.
Sa kaem hja folie op \'e wei,
Sa wol hy joun as oer \'e dei,
By in pret ef oare grappen ,
Wier hja meast al op \'e lappen.
Nou heard min jamk wol fen dy faem ,
Det as in feint by hjar is kaem,
Den stits it hjar yet wol hwet nou,
Hwent mannich feint cly krige Wou ,
Sa det dy feinten wol ris seijen,
Det sokke wiise hintsjes leijen
De aeijen wol ris buien nest,
Sa gong \'t mei hjar yet ek op \'t lést.
Mar by hjar alden yn \'e hüs ,
Der die s\' hjar wirk ek bij de rus,
Sa det hjar beide alde minsken
Noait gjin better fanke winsken.
Nou koe hja krije in plak yn \'t fjild
En koe hja den in bulte jild
Fortsjinje by in oar,
Det kaem hjar net onaerdich foar.
Sa det s\' hjar frije teugel hier,
En sels den hwet baes mear wier.
As wier \'t mar mei de frijery,
Det het min sims wol feinten by,
Det faek ek folie alden,
Net \'t mearste sims fen halden.
Nou tocht mem det det wol koe,
Det hja \'t yn hüs wol redde scoe,
-ocr page 33-
31
Omdet er. noch ien dochter wier ,
Der hja it wirk den wer mei die.
Sa kaem hja by hjar alden wei;
En nei det as in oar my sei ,
Den stie hja der to sté as frou,
Hwent alles gong der op hjar ou.
In winkel en forkate bern,
En om alles goed den nei to sjen
Mei naeijen en mei stopjen,
Hier hja frij hwet to t\'orkropjen.
De winkel , keamers alles moai,
Hjar baes wier best to fréden,
En net ien dei wier hja ek loai,
Hja hieden ek noait reden ;
Mar ien dy oppast by in oar ,
Dy kin \'t der ek wol hirde,
Mar \'n patje nimme hjar faek foar,
Deth wolle baosen wirde.
Mar hja wier altyd troch in dei,
Oeral yn oppassend ,
En as hjar baes er hwet fen sei,
Den seijer \'t is in krassen ;
Det yn hjar wirk den wier hja best ,
Fen det oan geande, tige.
Mar der hja dochs yet yn it lést,
In rare misset kryge.
Hja hier hjar hwet to goed fortrout,
Hja wird er frij hwet driester.
Hja hie to heach hjar sels biskowd,
Sa kaem it mei dy fryster.
-ocr page 34-
32
Mar och, it wiei by jountyd west,
It sintsje wier al onder,
Hja wier der yn in slangenêst,
Hwet trof hja der it wonder.
Mar \'t wier net in slang dy \'thoepte,
Ef ien dy stil laei onder \'t strie,
Ek net iens in slang dy \'t krüpte,
Mar ien dy op syn skonken stie.
Hjir waerd earst ek net oer praeten,
Mar it gjit wol faeker sa ,
As min \'t goed het yn \'e gaeten,
Mat elts syn pakje hjir wol ha.
Hja kaem der by hjar baes wer wei,
En koartsich wier se dei oan dei,
Sa det hjar beide alden
Tochten swier forkalden.
Sims sa \'n pyne yn hjar kjiszen,
Den wer pyne yn it ear;
Ja it wier om sa to siszen
Lang dy selde faem net mear.
Oas den wier hja altyd fleurich,
Dy foarhinne flugghe faem.
\'t Yet mar altyd weroan treurich ,
As er imnien by hjar kaem.
En frége den hjar mem oan hjar:
Fanke , och, hwet scoe dy skeele,
Leave, toe, och sist mem mar.
Mem, jo kin \'t jo wol forbeele.
Mar ;k bin forkalden, det is wier;
Det haw ik om nijjier al krige ,
Do hieden wy sa\'n bult plesier;
-ocr page 35-
33
En syker wy formakken üs tige.
Mar \'t wirdt yet tinkt me ek net slimmer
De moaije daegen komme gou;
En me rekket yn \'e simmer,
Ek wol fen sa\'n kwael hwer ou.
Och , det scoe to winskjen wêse,
Sei mem, sa\'n siekte is net nocht.
Oars mak det resept ris lêsze ,
Hwet min oan dy kwaelen docht.
Hja wist hjar mem ek to forriefjen,
As ljeuwde it minske \'t oars net licli\'.
Deis hwet mei hjar klean om nioflje ,
Stryk s\' hjar mem de eagen ticht.
Hja kryg\' ek wer nocht oan merkgeaa,
En mei feinten oan \'e sjou,
Det wier better as hjar tsjerkgean ,
Domeny wist hja net fen ou.
Mei de merk ek net forlegen,
As wier hja do ek mar healgear.
Do de feinten hjar mar frégen,
Do wier det yn ienen klear.
Hja woe ek in dei twa ryde,
Mei in hynser en in sjeas,
En in flinke feint op syde ,
Och, hwet ried dy faem do kreas.
Dounsjen woe hja net fen heare,
Det foei hjar syker al to swier.
Ien kear hie hja \'t mar bibjerre,
Der oan hie hjar gjin plesier;
Mar in dei éf santjin letter ,
-ocr page 36-
34
Ier, it wier op sneintomoarn,
Do waerd hja foat al frijhwet better.
In jonge slange kaem er oan.
Riskenbirch yn rep en roer,
Hjar mem wier fen de wiise ;
Hjar heit wier op hjar mear as poer,
Om de faem den scoe \'t je griise,
Hjar heit to skelden holp him neat,
En mei \'tjing vviif stie it net forkeard.
Ho as hjar mem ek snettre,
Hja is fen sels w«r bett\'re.
OAN DE FAMMEN.
Jonge famme wês to nei sa slim
Pas foaral mar goed op him,
En tink mar goed op d\' alde slangen,
Om jimme net yn \'t nest to langen,
Hwent as hy jim ienkear het,
Den komt neiberouw to let.
Sa is \'t disze faem ek gien;
Dermei is det stikje dien.
HWET FEN T LIBBEN FEN WYBE.
Do Wybe jongfeint bigoun to wirden, wieren de
measte jongesknepen al hwet forgien, howol yet
folie setten die, hwermei syn alden alles bihalve yn
\'t skik wieren , troch det de Iju allegearre mear
lést as nocht fen him hieden. Hy wier ienichst soan>
n leare der wier gjin seth op. Hwet er die, it
-ocr page 37-
35
wier lést in oar en syn alden oaudwaen. Syn alden
wieren knappe bakkerslju, en det hjar soan himyn
\'e bakkery ek bihelpe koe , mei alles hwet lekker
smakke, (boltsjes hie\'r de boesen faek fol fen, en
den dy beste fyne koeke, ho er der plak foar wist)
wier wonder to sjen. Sintneklaesdei sükergüd en \'t
beste taei, det smakke him as in hongrige hoan in
stik fleisk, den koe er de namme fen Wybe fretter
habbe. Nou koe er den oars, as er sêd wier, ek
hwet meidiele; det wit ik omdet ik er sels faek fen
profitjearre hab. Dom wier er. Plesierich wier er
oars ek wol, mar net alte alte, ja om rjocht üt to
praeten in leffet, sa det ik him wol ris foar boantsje
lap han hab. Hy wier nou al ryklik tweintich jier
en frouljesfleisk by him bigoun al frijhwet oan to
groeyen. Faek in rie pleagje mei syn spylfeinten,
om hjir ef der in set op te weachjen, det niunken
lytsen ek oangong. Men hie in faem foar him ut-
sjoen , dy hwet heel keken wier. Knap wier se, det
min foarüt wol tochte, det hja de wyn fen foaren
krije scoe om \'t men ek wol wist, det hja oan eltse
flnger wol in feint krije koe. Klaes Oebeles wenne by
\'t tredde soalhout to Sydebieren. Dy hie in nüvere
stjeppe dochter yn \'e hüs, dy Tryn hjitte. Der teach
dy omkoal op ta, mei in boarst sa wyt as snie en in
moai pak klean oan, nij fen \'e nulle, tjsuster as de
nacht. O, hwet tochte er him hwet foar, hwet hearlike
nacht hja bilibje scoe. Mar wa, scoe min tinke, het
er altyd nocht oan, om in oar yn \'t leach to loat-
sen. Der hie min by it iêste soal, der de freijer
oer moast, in goede opsochte rüskene, der wol in
kou yn smoare koe, flak foar it soal hout en der
gjin mis op wier, ef de feint moast deryn to lannt
-ocr page 38-
36
komme, omdet er ek net sa ier wier, en de tyd
fen sjen it him ek net gunde, stroffelt er der plat
foaroer, sa lang as woechsen wier, yn det onge-
mak. „God help!" röpt er. „Dy is slachter to
Snits", andere him ien ta, dy yn \'e onderwal, der
net fier fen ou laei. Hy kleauwde it hoekje wer to
böppe; en stoarmde sa, hwent oan skjinmeitsjen
foei net to tinken, nei de doar yn en röpt er folk.
De doar waerd him op dien, mei in „kom maryn"
waerd er ontfongen. Stel jimme hjir yn in plak ,
det in knappe hüshaldster tabiheart, ho gjit it by
folie, as de houn mei smoarge poaten yn \'e keamer
komt, as de boaden mei smoarge sokken , dêrom
sei de boer ek mei rjocht tsjin Wybe : „Er üt do,
smoarge feint." De frijer gjit, fol spyt en tagelyk
ek fol grimmitigens det er yn ien reis twa kear
smoarich wei kaem wier, nei hüs ta , der syn beste
mem oars net thüs krige as lange Wybe , en in tige
by tige smoarich pak klean. „Fij jonge", sei syn
mem, „it gjit er my fen ta de teannen üt, det me
dy sa to fiter hawn het. Wist ek hwa det lapt het ?"
„Né mem, oars wit ik net as in slachter fen [Snits"
sei er, „en de heit fen Tryn het me de doar ütjaege.
Wy wol er gjin praet fen habbe en ües dea stil halde
den wit net ien er hwet fen ; en yn koart wol ik
er dochs wer op ta , mem ; hwent och heden , jo
moasten ris sjoen ha, ho Tryn me talaeke." Do
Wybe det sei, waerd mem hjar bloed hjit, en sei:
„Det wol ik wol leaue , hja het dy, koalom, ütlaeke,
omdet se dy yn de koue-aeijen loast ha. Do scoest
dy nacht wol in lekkere stjonker by sa\'n faem west
ha.\'\' „En ik wol er mei gouwens dochs yet wer
hinne, ik sjoch hja wol faeker en den freachje ik
-ocr page 39-
8/
hjar earst , den wit gjin ien er fen." »Dou matst
it bilieven sels wyte", andere mem , mar ik scoe it
dy net oanriede, hwent it koe dy wol ris minder
ougean. De tiid forrint hwet, it wier Febrewaris-
moane, en yn dy tiid hie Wybe fen Tryn it wird
krige, om mar to kommen. Nou fréger oan syn
heit, as er de jouns de rydery habbe mocht. Mar
heit, dy ek al bang wier det it gean scoe as altyd,
mar ek yet in stille heap hie, det it hwet better
mei de jonge wirde scoe , en foaral yn \'t frijen,
omdet hja wol wisten , det dit noch al tear spil is,
en hjar soan ek yet leaust as knappe birger , sa as
hja wieren, foar it ljocht komme scoe. Hy krige it
ja-wird fen heit en riid dy jouns om fjouwren troch
de Haske. Wol waerd det hwet in omrit, maer it
forbjustere it folk, om wer by Klaesboer\'s Tryntsje
to kommen. Nou hie Tryn ek al ringen heard, hwa
him de foariche kear det koekje bakt hie, disze
kear hie de faem onforsoenlik genöch west, en hie
de baorfeinten hjirmei yn kennis makke. Uetspanne
by de neiste kaslein moast Wybe, yet in eintsje
gean en frijhwet hikken en stekken oer en om hinne
kladsje, en de measten , sa as by folie de boeren gjit,
wier it omslaen fen \'e spykerpinten forgetten, ef
latten mei spykers, om \'t stikkenrossen fen de hyn-
sers. Hy waerd yn \'e hüs mei in frjeunlik „goê
joun" ontfongen, det frijhwet by de oare kear for-
skilde. In lange piip en tebak, det do mear as
nou mode wier, dampte de feint al ringen, det it
roet him yn it hier hong, mar tagelyk ek switte fen
angst om staesje to halden.
Hy hearde sa nou en den by de glêsen al frijhwet
gepraet en by him sels hie\'r ek al tocht, ho scil
-ocr page 40-
38
det joun komme, mar hy heape yn stilte fen goed.
Den wie\'r gjin nead. Nou hie\'r ek al forskate kea-
ren mei \'t kopke omjitten , al frijhwet op \'e flier
en klean falie litlen fen dy beste kofje, det de eine-
pieken foar de stoel fen de frijer wol siele koeden.
Der kaem yet by, det de feint syn waslearne lea-
sens frijhwet modrich wieren, sa det it ien mei it
oar in foege moeras bigoun to wirden. De boerinne
hie al to mets al ris om de hoek fen de tafel loerd,
en koe hjar hast net ynbyne , det hjar dochter ek
wol sjoen hie ; mer mei skodholjen hjar mem hwet
yn bidarjen halde, sa lang det it folk nei efteren
gong to oufaorjen. Do bjgoun mem op to siszen
tsjin hjar dochter: nou hab ik dy dit to siszen Tryn,
as t\' nou gjin oare frijers krije koeste, den scoe ik
my ynbyne, mar der \'t se üs de leane swart halde
kinne, sooest dou dy mei sa\'n smoarge soeg fen in
feint net bemoeije , hwent as dy hjir hwet komme
scoe, den scoe üs keamer er gou smoarger üt sjen
as nou üs bargehok, en nou sis ik dy plan üt, det
dy feint hjir net wer binnen doar komt. „Hwet jo
der sisze is wier mem" , andere Tryn , „mar ik bin
wer ik bin, ik leau ek det er op my rint om by
my to kommen, en ho folie brjifkes ik net fen him
krige hab , det hald mei in tweintich net op, en
nou hab ik him hjir komme litten, om ek foar goed
mei disze kear fen him ou to kommen ; en omdet
er hjir de earste kear in bytsje mear as blou op die,
scil er joun foar al syn moeite om my, bileane
wirde. It folk gong nei bêd, en \'t pear wier mar
krekt mei hjar twaën, yet net iens to sit, der de
faem ek al hwet mei wachte hie, hwent by him
sitte woe hja net, lit stean om him onder de noas
-ocr page 41-
to stjitten, ef der waerd al tige op \'e doar bonsd,
en se rópen buten doar: Tryn, lit üs yn , der de
fryster mar al to goed mei bikend , en det er ien
by wier, der de faem wol agtjin eagen mei blyne
dobbelstjinnen op goaide. „De lampe ut en er net
yn jue", sei Wybe , dy de griise al oer de groue
gong, en ear de stakker er om tochte hieden se de
frijer fen Tryn by de lirven, en det wier mar, fen
dik hout saeget min planken. De frijer, net bikend
yn it boerehüs en tsjister, roan hals oer \'e kop yn
\'e gröpoe, dy ek yet in klapke fen in kou krige ,
det him net jokke. De bysfeinten holpen him sa
folie, fen de tredde kau fen foaren , ta de léste ta,
der Frearik opstie, mar altyd de gröppe lans, sadet
syn troanje en klean, frijhwet fen headong hieden
slaen woeden se him net, om sels gjin smoarge
hannen to krijjen. Mar se jowchen him itboartskip
mei: As t\' net makkest detst op \'e dyk komste, den
kin it best wêse, det we koekedaei fen dy meitsje.
Rinne as in kat mei ien eag oer hikken en stekken
kaem er yet foar \'t opsiszen by de kaslein, der syn
rieuw wier. Mei in greate ontsteltnis komt er, sa
as min ek wol tinke kin, binnen, en sei: nou bin
ik yet noait fen myn alden sa troch de mosterd
fitere as by dy lompe boer. „Scoeden jo it ek mis
hawwe", andere de hospes, „miene jo de gröppe
ek, en troch de ougong fen de kij fitere; as ik jo
goed beskou den het léste er folie fen; mar wy
scille it slimste hwet skjinmeitsje, it oare kin me
dochs net yn iens krye, omdet syn moai pak klean det
er oan hie, mear op födden en fladden lyken, as
njj fen \'e nille. It aller raerste waerd hwol ouspiild;
de rük bleau dêrom it selde. Nou earst in goede
-ocr page 42-
40
slok, en yet ien , it kaem op in romerfol net oan,
det wirke sa kreftig op syn gestel, det er nei hüs
scoe, mar de frijjer net yn steat wier, om syn hyn- /
ser to stjoeren. De focht fen Skiedam en de sliep wirke
nou mei in oar , en omdet er ek folbloed Skiedam-
mer wier, sakke\'r roangear onder \'t spankleed fen
de seas en sliepte rêstig, wylst it hopke fen de
beam pluesjen. Mar hwa is nou de gelokkige fyn-
der fen sa\'n spil.......de pelïsje. Dy brochten
handich hjar fynst yn de skitstal. Mar hwet bard
nou. Mei det stjitten en stompen op dy groue bal-
stjinnen, en foral oer de drumpel fen dy stal, hwent
me kin begripe det it net in dageliks trochreed is,
wird de feint wekker en mei in grou flokwird, det
wol frirtig poun swier wier, barst er los. De goede
man, dy net tocht hie det er hwet onder it skoat-
kleed laei , springt fen kjelte efterüt, en komt op \'e
reach yn \'e sleat to lanne; en der dy sleat malle
wiid en djip wier, foroarsaeke det fryhwet moaite
om de man er üt to krijjen. Yn dy tiid makke de
feint rjochtsomkeard en naeide üt in fjouweren faort,
en do syn forstan , altyd sa folie as er hie, wer by
eltsjar wier, do stie er yn \'e bakkery to skriemen, hwent
Hja seach nei syn nije broek;
Der wieren gatten yn.
Syn festje en syn syden doek
Det hab ik fen dy Tryn.
Syn jas dy wier oan alle stikken ,
Syn pet de kleppe ou;
Det hie er krige by de hikken,
Hwet hie\'r ek dochs in sjou.
Syn ketling fen \'t haloasje foat,
-ocr page 43-
41
En \'t jild wier algear wei,
Do seach er nei syn oare güd t
Ried yet is hwet hja sei?
Och sei er, as \'k it witten hier.
Det bloau \'t er mar ten ür;
Det Tryn my sa biskiten hier,
Den woar er sufer pur:
Mar letter is hy dochs yet trouwdr
Mar \'t het him fest net smakke ,
Hja is to minsten malle gouw
Hwer by syn wiif wei rekke.
Hwent hy hie net in krumel leard,
En hja net folie better —
Do stjit yn \'e hüs al gouw forkeard ^
Hy is foar\' tein oer it wetter.
Nei Amerika ta gung er,
Hy wier foar ues Fryslan bang,
Forleachen yn de frem to stunger,
En lib er net sa malle lang.
Hy heth der in grêfstjin kriche,
For de Frysen bakt hy brea!
Nou bakt hy foar de wjirrums tiige,
Nou is Frysce Wybe dea.
JDe tilde stritskrobster.
Och fij, hwet is \'t in wealichs lest,
Eist rint en draeft al wer syn best,
Min kin net effen sitte,
-ocr page 44-
42
Det \'s winkellju en bollekür
En pakkedragers wit \'e jür ,
Hja flaene my de stritte.
Sims troch in dei mar tyge swaet,
En as men den gjin cinten bard,
Lyk as er folie binne,
En keapje kin \'k altears net,
As min er dochs gjin jild ta het,
Den sis ik gung mar hinne.
As Maendei-moarn de dei begjint,
Ho hud ues winkelman den rint,
Dy ropt mar by de glessen:
Dat \'s kofje, té en ek tabak,
Süker , klonsjes, alles ha \'k,
Frou , hwet mat er wesse ?
\'n As Abe mei de karre komt,
Dy het fen alles ek meinomd\',
Hwet kin dy tsjirl sprekke!
\'k Ha koeke, taai en allerlei,
Woartels, salaed en sükerei,
En kjellepoat fen Kekke.
Ik kom al fenne Jouwer ou,
Hwet kin \'k jou hjoed forkeape frou?
Ik ha ek moaye testen ,
Hwet haw \'k in grient espil meinomd\',
\'t Is üt twaloajes tün weikomd,
En hjirpels puke besten.
Den is \'t sahwet in ure lien,
Ja man! den hawwe swatte Tryn,
En hja docht v\'ral gjin lichten,
-ocr page 45-
43
Dei frou, ik scoe gau effen sjen
As Tryn ek hwet forkeapje kin,
\'k Haw bollen faesk en tichten.
Der \'t Jan noch seftkes sisse doar,
Sa\'n lapke , Jan in skelling foar,
En det ding kost tsjien sturen,
Is det gjin beste bokkebai ?
En linnen, \'t is as lear sa tai,
Bisgroenen foar de boeren.
En den is \'t noch mar Tiisdeimoarn,
Der komt de earste al wer oan,
Mei kuren, \'t is dochs bjuster,
As dy net goed forkeapje kin,
Den mat je dot gesicht ris sjen,
Den is\'t tsjien oer al tsjuster
Hjir folk! sa ropt er den mar gou,
Den is er noch in heel ein ou;
Det \'s trjje kear ynne wieke ,
Dy man, die docht um raek syn best,
Mar hwa mei altyd ur saen lest,
Der scil \'k in board foistryke.
Dy selde deis komt Sjoerd yet ik,
Mar dy is altears goed op \'t skik,
Dy rint mei güd fen Franke ,
Dat \'s bolle mei kaniel er yn,
En koeke ek mei snipels fyn,
Kom! keapje mar hwet fanke!
Den hawwe Bearend poatens an,
Dy sjouwt troch \'t heele wctterlan
Der matje faek om laitsje,
-ocr page 46-
44
Yn Bearens greate broek sims klaeid,
Sa is hja faek de diik lans svvaeid,
En yn syn klinke baitsje.
En Reinskje dy komt yn de streek ,
En hinne tonkje soans apteek ,
Dat \'s al saen djürre sjouwer,
En den Jehannes bjeangats Bet,
En den det bonkewiif, dy Tet,
Dy dwaen it yet hwet grouwer.
Lys tiepe teap is faek hwet djoer,
En Gerritsje slof dy swaeit er oer
Mei roateltsjes en fluiten,
En umkwoal mei syn skeane foet,
Mar willen lap forkeapet goed,
\'t Is allegjear onune duiten.
Hwont oars kaem hja ek net sa kras,
Mei \'n loadin koer fol güd fen glas ,
En \'t mösterfet oan \'t stokje ,
JHwent hja kumt noait up balenboer,
Ef alles is wer üt syn koer,
En hja gjit mei eyn fokje.
Nou halt de Skrift \'t oars ek net stil,
Det min by brea net libje scil,
Min mei ek oars hwet brüke,
En dy \'t yet net least troch in dei,
Altiid swiite bolle mei,
Dy iet mar fiene koeke.
Gjin rinder docht it om de grap,
Mar allegjear om de haplepap,
Lyk as ik mei \'t praeten ,
-ocr page 47-
45
Gjin domeny praet forgees sa fiks,
Gjin abbekaet docht hwet foar niks,
Hald det mar ynne gaeten.
Ik klei net wer liik as ik die ,
Mar \'k wist net det it hjir sa wier,
Den bin by minsken beste.
Mar havv ik deis de stritten skjin,
En ald in den jouns warich bin,
Den wol ik graeg hwet reste.
AKS JE, EN NE AT TO DWAEN.
\'k Kaem net lang liin is troch in gea !
Il volk wier barre bot en kwea,
Mar oars in krease buren,
Hüsen dyt \'k fen fjirren seach ,
Beskoud ik do ris mei myn each!
En flinke boeieskuorren.
Den tins ik urn de handelsman ,
De winkellju sa tins ik den!
Dat \'s oars as leache walden!
It spoar, de tillegraef derby,
De leveransjus fen de ky,
Den bin wy fier forkalden!
Den freagje sims oan my myn bern,
Sjoch heit, hwet tür is der to sjen ?
Den stean hja sa to wiisen;
Den sis ik, \'t is al twa jier Hen,
Is \'t boppest nei de groun ta gien,
Mar nou is \'t wer forriisen.
-ocr page 48-
46
Den freagje hja my ek al wer;
Hwet dwaen de lju der allegjerre?
Och, sa as \'t bern sims kinne,
Den sis ik hjar fen Piet en Jan,
En wit \'k er den net mear fen,
Den gung \'k er mar ris hinne.
En do ik lesten deis der kaem,
Wier \'t lang gjin nocht hwet ik fornaem,
Det skeat my fut to binnen :
Ik koe det frommis ek net echt.
Mar \'t wier sahwet by Van der Fecht,
Hja sloud der yn de hinnen.
In stikken poat, in bloedrich kaem ,
Wier det net lomp, sa\'n greate faem!
Sa trinten , sa yn fjearren!
Ik frége daelik der de smid:
Det mins is fêst hjir ek gjin lid,
Fen beskerming fen dieren.
Och, sei dy smid , myn goeie man,
Der wit me hjir yn \'t gea net fen,
Det neamt me hjir mar grappen;
Der is üs gea alhiel fen fol,
Dy troch in dei net daoge wol,
Dy krijt onb\'edich klappen.
Nou sei dy man der wol in wird,
Det wierheit wier, hy sloech mar foat-
Mei kreft, ja, wyt ho folie ,
In swier stik ark, yn d\' iene han,
En foar de smid wier \'t algear bran t
\'t Swit roan him fen \'e holle.
-ocr page 49-
47
Glean wier dy man, ja mear as poer,
Sims soalde\'r syn petij yn \'t fjoer.
Oars koe\'r him net oerwinne.
Ik seach wol, \'t gong der divels raer,
Sims wier ik frijhwet yn gefaer,
Hja stowden om my hinne.
Gefaerlik wier \'t der wol foar my;
Sa\'n alleraklikst\' fjochtparty ,
Ik scoe de doar ütrikje.
Mar och, hwet hie\'k in gong to min,
Der kaem my \'n greate tsjirl tsjin ;
Dy woe der rüsje sykje.
Hy sprits dy fjochtersbaes der ta:
Och , tsjirl ! hear my oan , ik ha
In raere rekken krige ;
En det is op myn brjifke skrieun!
Det fen dy alde wein fen snieun,
Fynst dou sa\'n rekken tige ?
It skealt my neat, sa\'n alde drint,
Dy doar my foar in weinfol grint,
My tsjokke wirden swaeije!
\'k Seach leaver de tsjirl fleach,
Hwent tref ik him bjoed foar myn each;
Scil \'k him de nekke draeije.
\'t Waerd tiid om my der wei to jaen,
Troch lilkens kin immen it dwaen !
Hwet er faek wol tinkt to litten ;
\'k Gung dalik fen myn plak opstean ,
Om den de bürren op to gean ,
Hwent ik seach op de strjitten.
-ocr page 50-
48
Det wier in hüs twa fen my ou,
Der seach ik al wer malle gouw,
Mar \'t wier oars net onaercüg!
En \'t wier nog effen foar de snie:
Do Wobbe der oan \'t fjochtsjen wier,
Och! mei in wyte baerich.
Det dier det woe gjin stap foarüt,
Den krige\'r houwen op \'e snüt,
Hy skodd\' him yn de earen.
Den lukt er it bist wer oan syn stirt,
Mar wee, de barich woe net faort,
It bist die neat as bearen.
Sa komt er ek in tjinder by,
Det gjit bjir al hwet frjemd tinkt my,
Scoe det net better kinne ?
Mar der ik dalik tsjin him sei:
Der jinsen gjit \'t er oars om wei,
Der mat je nédieh hinne.
Der mat je hinne, malle gou.,
Hwent twa bitelje, ien der ou
Jou mat dy ljue mar skiede ;
Hwent as \'t der op \'t malste sal
Den helpt dy jonge him yet al,
Hja matte beide bliide.
De man do mei syn bloue jas ;
Gung daelik op \'t spiktaekel los,
Mei \'n halding wünderbaerlik.
Hwet is det bjir foar fjochtery ?
Dy man der jinsen seit it my,
Dou krijst perses hjir daedlik.
-ocr page 51-
49
Och hear noch ta, myn goeie man;
Fen fjochtery wyt ik net fen,
Noch minder hjir ien smoare,
Ik doch hjir net in minske kwea,
Noch minder dreige mei de dea,
Ho jo det sisze doare.
Ja feint, det \'s allegear praetery,
Dy tsjirl seit er yet ek by;
Det kinst hjir daelik heare ;
Do hiest dyn hannen mear as fol,
Dy jonge holp dy sims yet wol,
Jim bruiden him to gearre.
Och tsjinder, det is divels raer,
Ljoust my den net, sykje op den maer,
Do kinst hjir gjin lest fyne,
Sjoch alle hoeken hjir mar nei,
En stjit er dy hwet yn \'e wei,
Brui det mar yn \'e spyne.
Ik ha fordomd gjin kwea yn \'t sin;
En doch myn best sa hird ik kin,
\'k Mat switte, skreppe en skaorre ;
En do forwytst my foar de kop,
Ik hald er mar unbiedich op,
Det scil biwiisen wirde.
Ja feint, rop do mar net sa lüd,
Bewiise scil \'k, det is my goed,
Det spil gjit net yn dügen ,
\'k Gung daedlik hjir de buren yn ,
As ik dy selde man wer fyn,
En det is hjir myn tsjugen.
4
-ocr page 52-
50
Der kaem dy tsjinder up my ta,
Ik ston der njunken Hielkema,
Mei de ynne ban for d\' eagen,
En \'t ienichst hwet er tsjin my sei,
Det wie mar jou mat dalik mei,
Dy smid is drok oan \'t leagen.
Iljir, sei de tsjinder, is dy man,
Dy wit \'t begjin in \'t ein er fen,
Dy scil \'t dy wol forklearje,
En ik skriuw alles by eltsjoar,
Der bin ik in polysje foar ,
Wy scilt mei dy bibjerre.
En ik fortelde hwet ek seach,
En net in inkeld wud der leach —
De smid dy moast do swije;
Hja habbe him ontsettend sleind,
In jonge holp sims disze feint,
\'t Wier om saen ür ef trije.
Nöuw seach ik earst dy tsjinder oan,
Foarn nijjen ien fen Aldeboan,
Mar hy kaem fier üt \'t suijen,
Ik Ijeuw, it wier in brichedier,
Det kaem to minsten op \'t pompier,
De fan wier Leffet Buyen.
De man hie \'t klear en \'t heale ding —
Dy akte fen d\' beskuldiging —
Klonk foarbetochte raede
Gepleagd troch mear as ien persoan,
En manslach. Mis, nou is \'t bedoan,
Jouw akte het gjin waerde.
-ocr page 53-
Né man, ik haw tsjin jou net sein
Hja ha hjir hjoed in tsjirl slein ,
Det ha hjar ee sels yn füge.
Mar foarbitochte rie das wier,
In hammer hie \'r, ontsettend swier —
Der maost hja wol forbüge,
Ik wier mar krekt hjir binnen doar,
De jonge sloeg, mar hja sloeg foar.
Den up in swier stik yser;
Mar ik bitroude my der net,
Omdet in fonk sims fjür oanset,
Wes jouw to nei mar wyser.
Skrieu jou to nei de akten goed ?
Mar net wer as de dei fen hjoed,
De slachter mei syn barich.
Lit jou de smid foartoan mar slaen ,
En mjj to nei gjin skea wer dwaen ,
Det is nei myn sin adich.
Hwet ik ynne walden belibbe, do
ik er oer ys in dei west ha to iten.
(IN TELTSJE).
Forlünen winter op in dei
Ried ik oer ys by üses wei,
Nei in doarpke ynne walden,
Om my der in dei to halden.
Ik ljieu it wier up Woansdeimoarn ,
Ik ried by üses wei oer Boarn.
Nou hie \'k der ek net earder west,
-ocr page 54-
52
To minsten net op redens ,
De wiin ston my ek net to best.
Do wier ik mar min to freeden.
En \'t wier ek fryhwet mistich waer,
En \'t ys by tyden ek hwet raer;
Der kaem yet by san wekken,
Dy hald ik ynne rekken;
En fryhwet setten yn dy sleat!
Der wie \'t to riiden ek forkeard,
Hwent der wier \'t ys forgetten —
\'k Trof mannich sokke sletten.
Ik tocht as \'t joun hwet tsjuster is,
Den scil ik det ein rinne,
Det wie foar my yet wol sa wis ,
Hwent ik wier mar allinne.
Min heart er winters yet wol fen,
Dyt net foarsichtich binne,
Op \'t ys dy net foarsichtich ken,
Dy gjit er licht mei hinne.
Sa riid ik foart, al gans in ein
En by dy mist kaem ek al rein!
Do wudd\' \'t for my net better,
Det kalde snierich wetter ;
Onkinde brochte my fen \'t spoar,
Hwent ynne fremte kaem \'t my foar,
Wyls ik lürde oan \'e syden —
Kaem der ek in man oan ryden —
Dy freag oan my wer mat je hinne,
Yn \'e fremte hjir allinne ?
Ik sei: nei Terwispel ta!
Den mat je lang dit paed net ha,
-ocr page 55-
68
Sei de freun, der mat je riide,
Ejir oer de dyk en oan dy syde;
Der habbe jou in njje sleat,
Ryd mar net to folie faert.
Mar och, ik seach oars neat
As turfen en hwet tinten ,
En den in mannich skiep, en yet in mannich drinten,
Oors koe ik neat bieagje,
Mar hutten by de rüs!
Den moast ik wol ris weachtje
By sa\'n waldmans hüs.
Sa kaem ik by in wiifke oan ,
Hja woe my gou hwet kofje skinke;
\'t Is sa\'n aklik waer fen \'e moarn!
Ik ha noch brea en yet hwet drinke,
Yn der in stikje koeke by,
Hja tochte det wier goed for my.
Hja sei ues folk is meiënharen
Hjir oer de dyk en nei de waeren,
Nei dy wettermesjünne ta!
Wy moasten nedich stjinkoal ha,
De turf dy is hjir al hwet rij,
Sa praett\' det wiifke foart mei my.
Nou freachje hja nei myn geloaf ,
Ik rop hwet lüd, hja wier hwet doaf,
En as ik ek foar it goede wier?
Wyls hja my\'n klontsje yn\'tkopkedie.
Ik sei tsjin hjar, det \'k der al wier,
. Det \'k myn geloaf net meinomd hie!
Ik tochte oars bigjint \'t hja gouw,
-ocr page 56-
54
Al healenddl fen Adam ou,
Misskien oan hjiskenhüsen ta, —
Det praeten det foldie my sa!
En sei det \'k der gjin tiid foar hie ,
Det ik dei oars nedich wier.
Ik bleau der yet wol twa ketier ,
En hja fortelde my foar wier:
Hja tocht hjar lytste bern scoe steare,
En hja wist net hwet det mankeare,
Dokters koenen er neat oan dwaen,
En altaers doch mar güd ynjaen,
\'t Wier süver in geraemte; sei sy,
En do \'k it seach, do griisd lt my.
Nou praete hja oer tsjoendery,
Hwent der wieren sims sa\'n katten by
Hjar doaren en de glessen,
Det scil den tsjoenen wesse.
De duwelbanner hie der west,
En dy man hie \'r gans in rest
Kransen üt de kjessens kriige,
En det wie \'t bewiis wol tiige,
Fen de healle tsjoendery!
Om der wieren kransen by,
Dyt in bult fen ljippen hieren;
My tocht det sy der hwet njoanter wiererj
As by üses up it lan,
Minsk, it skilt oan jouw jou forstan.
Mar fjirder sei hja ek tsjin my:
Ho as der de tsjoendery
De minsken nei de groun ta brochteu!
-ocr page 57-
55
En der folie\'t net um tochten,—
Mer det it kweade minsken wieren,
Dy det wirk by hjarris dienen.
Sa\'n man, dy trou for alle doaren,
Sy hja heale greate knorren
En op \'t boarst fen \'t lytse bern,
Wier ek gans in bult to sjen.
De riften sei hja oanne liinne,
Der kin je griinne plakken fiine,
En in stank, ik kin \'t jou sisze;
Nachs by \'t berntsje wol ik lisze,
En derby haw \'k in beste man ,
Mar lieuiwt hjir net in griesel fen.
Ik tocht scil ik hjir net hwet bleouwe,
En den ek oan tsjoenen ljeouwe,
Den gung ik ek ljeaver foart,
Mar ik freache effen om it wud
En sei: ha jouw der wol fen lessen,
Det er in minsk yn katte wessen
Up \'e wearild ek bestjit,
Sa as \'t hjir by jimme gjit ?
En den kin je wol begrype
Det sa\'n man der üt de Knype,
Helpe foar sa\'n lyts berntsje wit,
Dyt by jouw oan \'t sjoenen lith;
En \'t jild den oan sa\'n man to jaen,
Koe \'n jouw , tocht ik , better dwaen ,
Om kransen en foar diveldrek,
Siiker minske, jou bin gek.
Mar ik bin nedich hjir wer wei,
En det mei jimme goed gean mei,
-ocr page 58-
56
En sei \'t wiifke gouw goê moarn ,
Ik nim de reis yet fjirder oan.
Mar sa komt krekt hjar broer yn hüs,
En dy hia stjinkoal by de rus;
Der koe hja faort wol mei bigjinne,
En frég\' oan my wer mat jo hinne,
En wer as ik al wei kaem wier ,
As \'k al in lang ein ryden hier?
Nou frége ik oan him as \'t koe,
As hy de redens oan ha woe,
En daedlik ek den onderbyne,
Hwent ik koe dor it paed net fyne,
En as ik op \'e Wispel wier,
Det ik den \'t goede paed wol hie.
Wy rieden der in eintsje hinne,
Al to mets ek wer is rinne,
\'t Wier my al in lan dy waeren,
\'k Wist ek net wer wy bidaeren,
Mar \'k ried him dochs mar efternei,
En mistich bleau \'t de heele dei,
Det hja foar toalven yn \'e moarn,
Der kaem ik yn Terwispel oan.
By in kaslein bleauw ik to iten,
En krige der ek oars hwet by,
Mar det is buten jimme wyten,
Dy man det wier in neef fen my.
It earste hwet hja my forhellen;
Wy ha fen \'e moarn in bigraefnis hawn.
Mar de falden dy bitellen,
My fen sels der ek goed fen.
-ocr page 59-
57
Mar ik kin er my dochs net stil fen halde.
Sa\'n bihandling disze alde
Stumper fen in man der hier,
Hja sei det it mear as skande wier.
Ien, ruon\'e dekjen oer him hinne,
Sa laei dy stumper der allinne,
Hja seachen ek net nei him om,
Och, hwet bin de Iju hjir dom.
Lekkens wieren to goed foar him,
En siek , det wier tige slim ;
Kessins hie\'r net ien to folie,
Hwent hja koe syn alde holle
Oas net lisze as op syn jas,
Det kaem fêst ek net to pas.
Sa hie hjar der in heel set lein,
De snie wier oer him hinne flein.
Syn bedstee det wier lang net ticht,
En de ald man syn gesicht
Wier forskaetne daegen britsen,
Do hab s\' him al de klean ütlitsen.
Hwent \'tpraet gong der wol ier en let,
As immen hwet oan \'t lighem het,
Det op snein faeks troch in skroar,
Naied wier det sa\'n mins net stoar.
Ien onderbaeitsje moast yet ut,
Nou scil we\'r yet hwet mear fen heare,
As hja den syn eagen slüt,
Scil de ald man ek wol stjearre,
Nou laei er mei de neaken lea,
En dit wier \'t middel fen de dea.
-ocr page 60-
l8
Der hja onder him yet hie,
In bosk ef trjje haverstrie,
Neat oer him en ek neat mear oan,
En siker wier , de man is stoarn,
Mar nou het licht de kjeld miskien,
Him op it lést de dea yet dien.
Hwet tinkt jo nou fen sa\'n geloaf,
Foar de lju hjir yn de walden,
Om sa\'n ald en earm sloaf,
Op sa\'n manier to onder halden.
My tinkt it is in geloaf foar minsken,
Dy hjar earmen algear winsken,
Yn it plak fen disze alde;
Der kin se \'t maklikst onderhalde,
En wer hja hjir en yn de waeren
Mei hjar bygeloaf bidaeren ;
Derom tocht ik hjoed oer dei,
Ik nim mynes hjoed net wei.
Mar nou hab hja yn \'e walden,
Net sa\'n bytsje to onderhalden,
Det is ek yet wol\'n beswier
En den om dy tiid fen \'t jier,
Den is \'t foar falden ek wol hwet,
De iene dit en de oare det.
Om den alles ek to jaen ,
Det kin hja onmooglik dwaen.
Dochs kin ik yet oare ljeauwe,
Dy altears mar de selde bleaue ,
En by \'t geloaf, myn goede man r
Der wit hja net in koarel fen.
-ocr page 61-
59
Min heart gjin praet oer sneinske naejjers,
Nog minder oer geloafedraeijers ,
Hwent min kin der klear üt sjen,
Det foar earme ljue net kin.
Lit üs mei eltsjar mar deele ,
Alles haw wy hjir to liin,
Den scil \'t libben net forfeele,
Den stjeart er fen de kjeld net ien.
TSJIN ELTSJAR KIBJE EN KLEIJE.
De Faem.
As haw \'k net folie soarch en noed,
Dochs mat \'k myn need wol kleije,
Ik haw it oars yet bihoarlik goed,
Mar lang net as by Meije.
Ik bin by myn alden yn \'e hüs ,
Mar \'t is allegjear gjin wille;
Wirk dwaen, sjouwe by de rüs,
Ik mat mar bodsje en til Ie.
En drokte mei de molkery,
Det mat ik net forgjitte ;
Den hiert heit yet hwet bütlan by
Fen Jan en greate Tjitte.
En mei üs tsjienen um\'e dis ,
Ik ha hwet skjin to feijen,
My tinkt det lang gjin hapke is,
Ik haw wol stof to kleijen.
Hie heit den yet hwet foar my oer,
Mar hy gunt my net in botsje —
En haw ik sims yet al in stür ,
Den mat ik s\' him utpotse.
En hwet bin \'k aklik yn \'e klean ,
En kin me neat upstriike ,
Hier min den yet in goed bistean,
Mar \'t het gjin roai ef liike.
-ocr page 62-
60
En nou bin \'k ek al tweintich jier,
En feinten kin \'k wol krije,
Al hwet ik sis is suwer wier,
Ik kin net langer swije,
Sa stikken troch in dei to gean
As \'n smarge bidles belle ,
Ik scil ris effen fen myn klean
Oan jimme hwet fortelle.
Ik haw gean klean om oan to sjen,
Gjin kapke op \'e holle ,
En sjoch ik nei ues bürlju\'s bern,
Hja haw wer fjirs to folie.
Myn ünderklean, hoasen in sokken ,
Myn liifke , boarstrok en jak ,
\'t Is allegear stikken in brokken.
Gjin lapke sit mear up syn plak.
Myn himden, jirken en broeken,
Myn kaemen üt \'t hier dy bin foart,
Gjin büsse mei skik for myn doeken,
Sa akelik is \'t mei myn güd.
\'t Is kibjen in kleijen in skriemen by ues,
Naer, akelik is \'t alle dagen,
En kumt den jouns myn heit ynnehüs
Hab ik alles fen him to fordraegen.
Den forwiit er my süwer fen alles,
Den flokt er in skelt er mar ta,
Den tsjierit er him as er mal is,
Sa\'n lijen kin ik net mear ha.
De hüshalding mat ik om tinke,
En as dwaen ik yet sa myn best,
Min scoe jin sims ljeaver fordrinken;
As langer by heit yn sok lést.
As \'r Sneintojouns feinten by üs binne,
\'t Is krekt as is heit den de faem,
Den kin hy om alles wol rinne
En ik sit er by as in l;lm.
Der sit er sa naer yn to riiden,
Den is der gjin ien hast fen goed,
Den makket \'r myn brein sims oan \'t siiden,
-ocr page 63-
61
Ja siiker den siidt my myn bloed.
Earst kaem dy soan is fen Betsje,
Ik ljeouw det syn heit hjitte Sjoerd,
Ik tochte det kin wol, sa\'n setsje,
Mar och, dy feint wier net goed.
Ek kaem Lolke\'s soan , Hette ,
Dy feint wier ik ek wol foar,
For ien nacht scoe my det net lette,
Dy kearder fordomd for de doar.
De tredde wier Harmens Douwe,
Det noaske ues alde dy kear, —
Dy moast ik nei syn sin mar trouwe;
Do wieren myn rapen net gear.
Dy feint hier hwet romte fen batsen ,
Det lyke myn alde moai ta ,
Ik tocht dy bin goed um to skatsen,
Mar oars mat ik neat fen him ha.
Hja praeten mar tiege oer kjellen,
Oer hiensers in baergen in kjj,
Oar hikken in stikken in pjellen,
Oer rysen- en süpenne brij,
En oer amers, aden in kroade,
Oer harken in forken in donge,
Hier nou yet praet han oer mode;
En ik woe det dy soksis mar gong.
Mar njoggen ure kaem \'r neijer,
Ik tink hwet belibje ik nou,
Mar o fij doch, myn fanke, sei er,
As\'t goed is bleauw ik joun hwet by jou.
Der ston ik, mar \'k wier haest forstomme,
Hwent ik wier det praet al sa sêd;
Né sei ik, om my hjir net komme,
Hwent ik bin ek nedich nei bed.
Mar nou mat ik moarnnier hwet belibje t
Safolle haw \'k jouns wol foarnomd\',
Hwet scil üs alde den kibje .
As hja üt syn fjerren weikomd\'.
En der begung er foart al to skelden ,
En sei my ek iens gjin goê moarn,
-ocr page 64-
62
\'k Doar \'t allegear net to fortellen ,
Sa fréselyk steld er him oan.
Mei in touw kaem hja op \'e lappen,
Hwet wie \'r poer, raesend in kwea,
Ik kriege forskatene klappen,
Ik tochte hy bruit my yet dea.
En det um sa\'n koale , dy frijer!
Ontfong ik dy klappen yet mear,
Net allinne ütwindich wier \'k lijer,
Mar it die my ynwindich sa saer.
Hear myn heit, mar as er seit.
Hwet is \'t in tyd mei greate bern,
\'t Is aklik det se it sels net sjen ,
En foar in heit in smette,
\'t Mat fest hjir ynne wrald sa gean,
Lyts trapje hja jins op \'e klean,
En great jins op it herte.
Sa gjit it mei det fanke ek,
Hja pleachet my it is in skrik.
Sa schandlik lit hja lisse
Mei frijery en mei üs klean,
\'t Is foar in heit net uet to stean.
Det doar ik ron üt sisze.
Och bern hwet kost dou my in jild,
\'k Seach nearne net sa\'n faem yn \'t fjild.
Dou klaist dy hoppe \'n moade.
\'t Is allegear mar lint en ban ,
In sieden want oan eltse han ,
En fen de djürste koade,
Dy draegste onder oan de rok,
Oan eltse foet in nije sok,
En den kinst yet sa kleije.
\'t Is allegjer mar sied\' en lint,
En krekt as kost it my gjin cint,
\'k Moast dy de doar ütjeije.
Dou kochst fen Tsjal in nije hoed,
Dien oare wier yet tiege goed;
En kaemen ynne hjirren.
-ocr page 65-
63
\'t Het foar dy ommers neait nin roai,
Elts seit hwet is dy faem dochs moai,
Hja sjen dy al fen fjirren.
Dou lykist op nin boerefaem,
Mar op in jiffer hwet fornaem;
Gjin hiind hast om dyn ribben,
Mar as \'t fen boppen mar hwet blinkt,
Hwet mienste det in oar net tinkt:
Hwet het dy faem in libben.
In nije jirk hast ek wer kocht,
En wer hast nou dy alde brocht?
Dy wier net heal forslieten;
Dy draechst nou ek wer eltse Snein,
En is er den wer heal ta\'n ein,
Den by de födden smiten.
Den bingelt er yet sa\'n el ef san ,
Troch \'t lange gjers in \'t wiete lan,
En oer de smorche stritte ,
En den yet ek in s*roak ef hwet,
En heale knorren op it gat,
Det het my lang bigreate.
De famkes ha gjin jirken oan,
De jonges broeken hast bidoarn,
Wer scil it mei dy hinne,
Myn broek en baitsjes bin oan grds;
Sa sit ik hjir deis yn sa\'n krüs,
Dou op \'e dyk omrinne.
En wierst den jouns yet hwet oan \'twirk,
Den flinterknipst mei greate Dirk,
Yn hüs kinst dou \'t net hirde,
Hald alles skjin en kreas yn hüs,
Den koe\'n w\' nocht ha by de rüs;
Den koest in goede wirde.
Hwent sjoch ik nei myn oare bern,
Den kin ik neat as earmoed sjen ,
En dou mar altears helje.
Hwent as ik by de pakpoep kom,
Der stjit in heele greate som;
En heit kin \'t mar bitelje.
-
-ocr page 66-
64
En as \'t nou langer sa mar kin,
Om neanenet nei om to sjen;
Den mei gjin ien dy léije ,
En dwaen faortoan , mar goed dyn best.
Den hawwe yn \'e hüs gjin lést,
En den kinst freijers krjje.
De Faem.
Mar heit, as ik den fryers krfi ,
Den bin ik sels ek baes tinkt my,
As habbe hja gjin botsen;
Det jild jowt ek net Iroch in dei,
As ik hja dochs net leije mei.
\'t Is altearst ek gjin skotsen.
Ik wol in feint ha nei myn sin,
Der ik in bult fen halde kin.
Mar net in al to alden.
En Dirk dy is ek mal om my,
En as ik den sa\'n mantsje krij ,
Den tocht ik, wier \'k bihalden.
Den wier \'k fen heit to skelden ou,
En klappen ek mei \'t sjokke touw,
Der kin hy mar om tinke,
Den gong ik frédich yn \'e hüs,
Went drokte hab ik by de roes,
Nou earst hwet kolje drinke.
En den scil \'k handich oan \'t wirk,
Went moarntojoun kom ik by Dirk,
Dy scil \'k it den fortelle;
Elts sjocht myn lest, \'t is wiif ef man ,
En fammen, \'k sis er alles fen,
Nou hab \'k myn krüs forhelle.