-ocr page 1-
*v)yV) OlOlZ�
-/r
-&^
WIK JE\' KAR.
OARSPRONKEUK FRYSK TOANIELSTIK
�>
;:
VN
?/
��=0
Fiower iitkomsten.
-
Frjentsjer,
by T. TELENGA
1884.
->/^^>k.
-ocr page 2-
; !
-
1
!
-ocr page 3-
/
.�?o\'-
WIKJE\' KAR.
OARSPE0MKEL1K FETSK TOANIELSTIK
VN
Fiower iitkomsten.
Frjkntsjer,
by �. TELENGA.
1884.
-ocr page 4-
\'k SCIL \'t BISIIKJE.
Borger.
-ocr page 5-
In >virtl*e los\'ii-�t.
�Wikje\' Kar" is it alderl�st �ntstien nei oan~
lieding fen de bikinde �priisfraech" fen it
Liowter
Toanielselskip. Dij \'t de Liowter kranten fen de
3de fen Heamoiinne oan \'t de 4de fen Hjearstmodnne
1884 l�sen hat, scil wlte hivet gong dij �priisfraech"
nomd hat, en dat
�Wikje\' Kar" ien wier fen de fioiver
stikken, dij H troch de Karcommissie �op tal" set
binne.
Hied de titjower, dij \'t mei �Smids Feikje" al
oan H printsjen wier, der mij net op oansocht, den
wier ik er siker yet net sa ringen ta oergien om it
stik yn H liocht to stj�ren. Hivent ik bin gjin Fryske
skriuer; hab oan H nou yet nea net it ien ef \'t oar1
yn H Frysk printsje litten en think er op dit amerij
eak hiel-end-al net oer om dat yn \'t forfolch wer to
dwaen. Derom to minder ha \'k it nedich achte om
myn namme op it t�elbl�d to pleatsen.
-ocr page 6-
1
�Wikje\' Kar" is hiel-end-al oarspronkelik. Ik
haw bij it skriuen derfen nin ink�ld
Frysk ef
�nfrysk
stik fen fleren ef tichte-bij folge. De
�karakters" binne krekt sa teikene as hia hiar yn
\'e Fryske wrald foardien habbe.
Under it opsetten fen it wirk haw ik yet eak hjir
it each op slem
: om in stik to meitsjen, dat mei-iens
in ynerlik diel mielet fen echt-Fryske seden en
br�kmen, sa as dij yn \'t Fryske folkslibben f�stwodr-
tele sitte en troch de ieuen fen foaralder ta alder op
it tsjinwirdiche skaei oerbrocht binne;
seden en
britkmen, dij \'t min
leau ik � sa nearne yn
Nederlan werfynt;
seden en br�kmen eak, dij
\'t yn in tiid as tisers, dij \'t sa folie �t-en-oar smyt
en weifaeget; dij \'t de gek bat mei de oerlieuering
{traditie); en dij \'t wraldboargerskip fodr folks-
bistean yn \'t plak stelt,
sivietkeswei forbasterje en
mei koortere ef langere jieren fordtvyne modtte.
Hwet de litkomsten oangiet, yn de foarste wirt de
kn�atte lein en kin min da\'lik fiele hwet de �intrigne"
wirde scil. Yn de odrde is probearre om � s�nder
sleau to wirden
in fryersjoun uer to jaen, en to
teikenjen hwet soart fen pitearen der sokke Uiden
meast halden wirde. \'t Forhaeltsje fen Waltinga\'s
-ocr page 7-
5
Doede mei Riemke Inia is bard, en kin tsjinje om
sjen to litten ta hwet �twrldske dingen de greate
frijheid yn \'e frijerij yn Fryslan soms hinne ftert.
Dat Lieue en Wikje mei gjin inkeld wird f en lieafde
praie, al kin min diidlik merke dat hja in bult fen
\'n oar halde, modt nimmen forw�nderje. Wij hawive
hjir yet allinne mei in �losse" frijerij to dwaen, en
beide partijen wolle derom noch net yn wirden �t-
sprekke, dat hja op elkoar forslingere binne.
Yn
de tr�dde �tkomste komt de smert fen Lieue oer
Wikje Mar dwaen oan H liocht, en yn de fjirde fol-
get de forsoening.
Ik ha der fjirder op At west om inkelde wirden,
dij H driigje foart to fleanen en tsjinwirdich mar to min
br�kt wirde, beet to halden en yn H pitear op to
nimmen.
Oer de spelwiize swij ik. Dij \'t er hjir ef der
hwette frjeamds yn fyne mochte, anderje ik allinne,
dat ik net mei willekar to ivirk gien bin.
It stik einling Ut him maklik spylje. Dejong-
feinten
Pyter, Willem en Dowe komme allinne yn
de
foarste titkomste foar. Dijjinge hwa \'t disse per-
soanen foarstelle, kinne eak br�kt wirde, om de rollen
fen
Oeds � dy H yn de oarde en fjirde � ; Sybren
-ocr page 8-
6
.lennema en Rients � dij H yn de tr�dde �, en
Dokter � dij \'t yn \'e fjirde ittkomste opkomme
modt
, op hiar to nimmen. Fodr Minke en Maery
kinne Anke en Wikje nomd wirde, as H nedich is,
hwent disse fiower froulhi komme eak yn �ngelykense
atkomsten foar. Mei
5 manliu en 2 frouliu is it
stik derom, as H w�se modt, op to fleren.
En hjirmei, l�sers, spiiers en hearders: farrewol!
Hjearstmoanne, 1884.
DE SKRIUER.
-ocr page 9-
De foarste �tkomste spilet op in Thongersdei
(wikmerkedei), yn \'t efterkeamerke fen \'t ald Blauh�s,
in herberg to Bolswert.
De oarde op de Sneintqjouns deroan, yn it milh�s
fen Minne Gerbens.
De tr�dde de Mo�ndei\'s derop, oer in wike, yn \'e
p�skokeu bij Sybren Jennema.
De fj ir de in modnne ef fiif letter, yn \'t binhftsfen
Minne Gerbens.
De earste trije yn \'e simmer en de l�ste om kristiid
hinne, yn \'t jier 1870.
-ocr page 10-
PERSOANEN.
Lieue Sybrens Jennema,
Klaes Boukes Waltinga, / alle fiif jong-feinten en
Pyter Kueuds Heppema, n boeresodnnen, om Bols-
Willem Hanzes Ipkema, \\ wert-hinne wei
Uowe Sakes BrRNiA,          \'
Minke, kasteleinske.
Anke, )                       j
fammesbern, I
Wikje, \\
                       > f en
Oeds, soan
Minne Gerbens, in ivolsteld boer derearne.
Sybren Jennema, i
\' heit en mem f en Lteuc bybrens.
MdERY, syn iviif )
Rients, in boerefeint.
In dokter.
-ocr page 11-
Foarste �tkomste.
It toaniel stelt foar it efterkeamerke, mei de strjitte
allyk, yn \'t ald vBlauh�s," in bikinde herberg midden
yn
Bolswert, sa as dit er foar de l�ste forbowing
fen dij herberg, yn
\'e tiid dat dit stik spilet, yct yn
w�sen wier. {*> Oan
\'e riuchterkant in bl\'me miwrre,
de eftermiiorrc jen de herberg. Op \'e eftergroun in
kas of kamminet
, isjin in muorre oan Oan \'e lof-
tcrkant in houten skut, en yn \'t midden derfen in
ridlik breede doar, dij iepen stiet en wertroch min
ilt de jachtweide loei yn \'t keamerke
en ut it kea-
(*) Dit efterkeamerke wier in lyts , �ndjip fortrek , flak
oan \'e jachtweide, dy \'t min trochrinne nioast om er yn to
kommen. Thongersdeis wier it skut, dat dit keamerke fen \'e
jachtweide skaette, mear ef minder wiid weinomd ef opslein,
sa dat men er sa mar yn rinne koe. Dit uaem lykwol net
wei, dat der (bihalwen op \'e drokste dagen yn \'e hjearst en
maeitiid, foar in tochje) omtrint oars net as jong-feinten �
meast boeresoannen � yn gearhokken, dy \'t it keamerke
sahwet as hiarres oanmirken, der it oare foltsen, dat yn \'t
Blauh�s kaeui, njunkelytsen sunder praeten yn tastimd
skynde to hawwen. Alteas sa lang as \'t net knypte, gyng
niinmen oars der hast sitten.
Do \'t it Blauh�s foar koarte jierren forboud en yn in
njjmoaderige herberge foroare is, is dat alde, ienfaldige
keamerke eak wei britsen.
-ocr page 12-
10
merke ivei yn de jachtweide opsjen kin. [De tapkas
is yn \'e jachtweide, tsjiii it houten shit f en it e/ter-
keamerke oan
) It keamerhe is grien yn \'e ferwe
Op it toaniel in lange tae/el. Der omhinne stuollen,
dij sa set binne, dat hwa \'t er op sit, yn \'e jacht-
weide opsjucht
, en dij \'t foar oan \'e lo/terkant nvt
fier fen \'t skut onsteane
FOARSTE TOANIEL.
Lieue allinne. (Hy stiet mei ien
hun restende op de b�kle-
ning fen in stoel.)
\'t Is dochs raer, hwer Klaes sa lang blieut. Ik hab
him d�d\'lik skrieun, dat ik him hjir om healwei alwen
forwachtsje scoe, en nou is \'t op slach fen al f ure,
wylst ik jimmer yet allinne biu. Mar ik bin itommers
eak wol wend: Klaes komt noait ier yn \'e st�d. Hja
habbe th�s in gieate boerkerij, dij \'t hja hast hiel-end-al
mei eigen folk bir�dde modtte. En derbij, thins ik,
tsjinwirdich eak yet drok yn \'e �ngetiid: de haeying
is sa let fen \'t jier. Ik hab to minsten yet gjin ien
fen �s kaemeraten yn \'e st�d sjoen,. en it blieut oan \'t
nou sa stil yn \'e herberg krekt as ef hjir hioed, buten
mij, nimmeii komme scil. As dij �ngetiid mar net
makket, dat myn hiele plan �t-enoar fait. Hwent Klaes
-ocr page 13-
11
syn heit .... mar sjuch, der komt Klaes sels krekt
de jachtweide ynstappen. � (Wylst Klaes opkomt:) Sa
alde jonge, bist der einling? Hwet hast mij lang
wachtsje litten!
OARDE TOANIBL
Lieue. Klaes.
Klaes.
Goe\'n dei, Lieue. (Hja f�skje). It spyt mij ,
dat-ste op mij wachtsje modste, mar siker jonge, ik koe
net ierder fen \'e p�ale brekke. Dou witste ho drok it
mo&rns by �sers is, en den yet dij �ngetiid derbij. It
spant er danich om, der moarns sa gau tit to kommen.
Hied ik eak sa folie frij as dou, den scoe \'t makliker
gean. (Hja yeane op de staollen oan de lo/terkant,
bij it skut, foar op it toaniel sitten.)
Lieue.
Och, hwet praetste, ik ha neat mear frij as dou. Mienst
dou den, dat ik th�s neat �tfier? Mar, lit tis der mar
oer swije, want ik wit wol, dat-ste mij op dit pont dochs
net leaue wolste. Siz mij ljeaver e\'ris hwet-ste fen
myn plan thinkste, der \'t ik dij iu myn brieften forli\'ne
snein oer skrieun haw.
Klaes.
Om mei tis faminen nei Liowter merke to riiden ?
-ocr page 14-
12
LlE(JE.
Krekt, mij thinkt, dou scilst er eak wol siu oan
liabbe, net?
Klaes.
Dat hoefst mij w\'reftich net to freegjen. Da\'lik do
ik dyn briefke �ntfiusen hie, ha \'k er mei �s heit
oer praet, en \'t loei mij gen�ch ta, dat dij net mear
swierrichheid makke. As de ungetiid fen \'e wfke dien
of skraeoh wirk dien koe, hie hij der neat op tsjin dat
ik gong, sei er. En nou it waer yn \'e l�ste daegen sa
f�st blieuu is, scille wij it hea oaremoarn in hiel ein
hinne yn \'e skuorre krije, thins ik. Fen myn syde bin
ik dos da\'lik klear om dyn foarstel oan to nimmen.
Lieue.
Kom, sa mei ik it heare! Wit-ste ho \'k \'t nou bi-
grepen ha? Wij wieren ommers beide doehs fen f\'oar-
nimmen om sneintojoune nei Minne Gerben\'s to gean,
om to sjen of syn beide fammes-bern yet soun binne;
kom dou den snein bij iisers to iten, den kinue wij �
lyk as wij dat wend binne op sokke dagen � e\'ris wer
in riu pleisierige �re mennich mei �s beiden slyte en
yet \'ris op syn alf-en-trittichst oer it pretsje, dat wij
yn \'t foar�tsicht ha, prate.
Klaes.
Ja, dat is allegearrc sa moai as \'t mar kin, en ik
scil jern oan dyn frieunlik noadsjen foldwaen, mar dou
-ocr page 15-
13
praetst er oer, krekt as alles nou al fodr-cnoar is, en
thinkst er, sa \'t lyket, net om, dat wij der vet neat fen
wfte ef de frouliu wol mei �s plan iens binne.
Likuk.
D\'r mei iens P Thinkst dou den, dat der gefaer foar
is? Ik woe dij wiizer hawwe. Jonge fammen scoe\'n
eak bithankje as hiar oanbean wirt mei nei Liowter
inerke ut to riiden to gean! Kom, kom, leau mij mar
frij, dat Wikje en Anke snein-to-joune hwet bliid op-
heare en hiel net wegerje scille. as wij hiar freegje om
takomme freed mei �s nei Liowert en de oare deis nei
\'t Oranjewald of Beetstersweag to riiden ; � toaral Wikje,
dy \'t forh\'ne simmer, omdat hja do hiel-tiid gammel wier,
jimmer th�s sitten hat.
Klaes.
N�, sa dom bin ik eak net, mar dou litst mij net
�tpraete. Ik mien, al habbe de frouliu der noch sa\'n
sin oan om e\'ris mei hiar feinten �t to riiden to gean,
derom kin \'t yet wol w�se dat it foar hiar sels ef bij
hiarres th�s net sa goed �tkomt om der foart yn \'e nije
wike yn ienen mar �t to brekken ; dou witste, hja habbe
gjin mem en de h�shalding drieut ommers op hiar
beiden.
Likue
Der hast gelyk oan; mar om sok. ding hie \'k hiel-end-
al net thocht; it is mij yet nea oerkomd dat in faem
-ocr page 16-
J4
tsjin kearde, as ik hiar sa\'n soart fen foarstel die ; mar
dou biste eak in jier ef trije, fiower alder en sjuchste
de dingen better troch as ik. (Nei in amerljke) Nou,
as der gjin slimmer str�kelblokken yn it paed lizze,
ha \'k gjin noed ef it pleisierreiske scil wol trocligean.
Wier \'t mar sa fier! De frouliu scille wol soargje dat
bij hiarres it spil Mr in dei ef trije eak s�nder
hiar wol redden wirde kin. Thinkt dij eak net?
Mar uou \'t wij \'t dochs oer �s frijerij habbe, woe \'k
dij yet hwette freegje. Ho thinkste oer myn lange kom-
men bij Wikje?
Klaes
Ik mei dij wol werom freegje: ho mo&t ik dij fraege
opfetsje ?
LlEUE.
Dat scil ik dij sizze. Dou witste, it is nou lykernoch
trije fearnsjier, dat ik bij hiar rin. \'t Is de earste kear
dat ik sa\'n rek oanien deselde faem ha. Foarhinne
duorre it nea net langer as twa, trije moanne en ik hie
wer in oaren. Mar mei disse faem is \'t hiel hwet oars.
Do \'k earst in kear twa bij hiar west hie, thocht ik :ik
leau net, dat dit jern spinne scil, sa �nforskillich en
op in oustan wier hja. Ik ha dij der wol e\'ris hwet
fen �tlitten. Ho faeker as ik lykwol bij hiar kaem, ho
mear dij iisko&rste bij hiar bigoun to teyeu en ho better
wij elkoar forstiene. Ik wit sels net ho \'t sa linkjende
-ocr page 17-
18
wei korad is, en dochs, eltse kear as ik er yn \'e l�ste
tiiden oer thochte: �scoe it grapke mei �s twa-en nou
net langer-n�ch duorre hawwe?\'\' wier \'t as yn ienen
derop in stemme yn mij fl�stere: �n�, dou kinst yet
net fen hiar ousjen, probjearje it mar."
Hwet mei dat dochs wol w�se en hwet scil der ut
foartkomme ? Wier ik nou lyke ald as dou, den wier
\'t hwet oars. \'t Koe w�se, dat ik den myn sinnen wol
graech foar goed op ien frouminske sette woe, mar ik
bin ommers yet mar krekt tweintich jier en �in t�ste
faem" of �boaskjen" binue wirden, dy \'t nea yet net yn
mij opkomd binne, ja, dij \'t ik, om de wierheit to sizzen,
net begryp en eak yet net forstean ivol.
Klaes.
Ik wit siker net hwet ik dij derop anderje moat.
Faeker as ienderis as wij oer �s fammen praetten, haw ik
opmirken, dat Wikje dij lang net unforskillich wier;
hwet mear is: dat hja dij �ngemirken wei minder
unforskillich waerd; mar om \'t alles hwet ik dijoan-
geande oan \'t nou ta fen dij hearde jimmer loftich praet
wier, hie ik eak gjin reden om der djipper oer nei to thin-
ken. Nou-ste er lykwol sels fen bigjinste en myn miening
deroer fregeste, wol ik jern sizze hwet mij derfen thiukt.
As it wier is, dat dij stimme, hwer-st-dou niis fen
spriekste, sa yn dij fl�stert, is \'t eak wier, dat Wikje
dij neyer oan \'t herte leit as-t-dou sels op \'e flakte
-ocr page 18-
115
miene scoeste. Ik leau frieun, dat-ste dyn hert nea yet
net �ndersocht haste, hwent hiest, nei al \'t jinge der oer
disse faem yn dij omgien is, dat dien, den scoest it
antwird op dyn fraegen al lang fen buten kind ha.
Wol ik dij nou e\'ris yn koarte wirden utlizze, hwet dat
mei dij w�se mei en hwet der ut foartkoinme scil? �
Dij sefte, golle, frieuulike Wikje hat dij s�nder erch
yn \'e maling krige en bitsjoend, en dou haldst folie mear
fen hiar as-te sels witste of dij bikinne scoest doare.
Sa is \'t mei dij. En hwet d�r �t foartkomme scil?
Earst yet in tochje mei elkoar frije, s�nder dat er fen
wearskanten eat oer it teare pont, dat alle twa hiel
goed kinne en deroin soarchfaldich mije, spritsen wirt,
ta \'t einling op in anierij, as der allerminst foar�f oer
neithocht is, de tongen losreitsje en utsprekke hwet er
al sa lang oplein hie, en jimme beide al wikeu fen to
foaren th�senkearen �t elkoars eagen l�sen hiene. En
as dat amerij foarbij is, traepje jimme fen sels svvietkes
wei it paed op, dat yn \'t einsl�ten op \'t boask �trint.
Nou, hwet seist\' der fen ?
LlKUE.
Neat; sok praet rint mij to heech en to fier. Litte
wij hioed hjiroer mar net fierder trochgean, mar dit
preauke biwarje oan takomme snein ta, as-t-dou bij
�sers biste. Den biune wij eak frijer en is der minder
gefaer dat wij bil�stere wirde.
-ocr page 19-
17
Klaes.
Dat hast\' goed, hwent niis seach ik yn \'e jachtweide
al in ploecbje folk om \'t taefeltsje bij de tapkas tij ir om
\'t hoekje gearhokjen, der \'t eak yette wol fen �s kunde
bij wier, sa as Riuerde Pyter, Sake Dowe en Willem
Ipkema. Bij \'t ynkommen habbe dij �s hjir wol sitten
sjoen, en ik think, bja scille hjir eak wol ringen komme. - -
Mar ho lyket dij it ta, as wij e\'ris in heal fleske biar (*)
keapen\' ? It is sa waerm, ik hab er al toarst op krige,
en de kastelein scoe \'k miene, scil mei de drokte op it
jjild hioed syn fortsjinst eak wol oersjen kinne. As \'t
er ueat op tsjin baste, wol ik dij nou e\'ris traktearje.
(Tsjin de hospes.) Lolke !
TR�DDE �OANIEL.
De foarigen. Minke.
Minke.
{De kasteleinske komt op.) Hjir ha j imme inpleats
fen Lolke, syn wiit. G\'ndei Waltinga, Jennema. Hwet
modt der w�se ?
(*) Biar waerd yn de tiid dat it stik spilet yet lang net
sa folie dronken as tsjinwirdich. Meast wier \'t op wikmerke-
daegen k�fty, madera, bramboaskes ef sterke dranken. As
ik it jongfolk derora eltse kear biar freegje lit, kin dit er
allinne op troch, omdat it sa waerm wier djj deis.
2
-ocr page 20-
18
Klaes.
In pear heale fleskes biar. Princesse.
MlNKE.
Mei twa tellen, hear! (Hja giet nei de tapkas,
komt mei \'t biar werom, lukt de koark fen de fleskes
ou en seit
:) Hjir is \'t feinten, as \'t jimme biljeaft. �
Scoene jimme hioed togearre yn \'t efterkeamerke sitten
bliue ? De tiid giet syn gong, en der komt mar net
ien mear fen de liu len \'t keamerke opdaechjen. Pyter
Heppema en hiar sitte al yn \'e jachtweide, mar \'tlyket
wol, dat dij hioed net fierder komme doare.
Klaes.
Bi n�, hja scille hjir strak yet eak wol efkes delfalle,
thocht ik.
Minke, (yn \'t ougean.)
Oars kinue hja to minsten eak net sizze, dat hja yn
\'t Blauh�s west hawwe.
FJIRDE TOANIEL.
De foarigen, s�nder Minke.
Klaes.
Kom Liene, jiet dij mar ringen yn. Forlieafde liu
habbe ommers jamk toarst, sa \'t sprekwird seit?
Lieue.
Ja, mar hwa seit, dat ik der �nder hear?
-ocr page 21-
19
Klaes.
Ikke ommers � dou wolste mij, sa \'t skynt, eak net
fetsje. � Mar hark, der giet it ploechje yn \'ejachtweide
opsteau. Nou scille Pyter en hiar hjir da\'lik eak wol
komme. � Sprekste Pyter yet al faek ? Jimme binne
�t it selde gea
Lieue.
N�, inkeld snein neimiddeis yn \'e buorren. Wij keatse
of biljerte den wol-d-e\'ris, of kuyerje mei \'noar de
buorren lans, mar troch in dei sjugge wij elkoar net
folie. Hiar pleats stiet, lyk as\'t witste, oan \'eoaresyde
fen it gea, en der hawwe wij hiel-end-al nin lan lizzen,
sadat ik dij kant net jamk i\'itkom. Eak wit ik nea net
hwet ik oan Pyter hab en ef min him wol fortrowe kin :
hij haldt jimmer in slach om \'e earmtakke, is der wak-
ker slim op om jin �t to hearen en meastentiids tige
efterhalden mei \'t jinge him sels oangiet.....(S�-
nicher) St! der komme hja al oan. (Pyter, Willem
en Dowe komme yn)
FYFTE TOANIEL.
De foarigen, mei Pyter, Willem en Dowe.
Pyter en hiar, {tagebjk.)
G\'n dei Lieue, Klaes. (Hja f�shje.)
-ocr page 22-
�20
LlEUE EN KlAES.
\'ii Dei, jimme.
Lieue.
Hwerom blieuen jimme sa lang yn \'e jachtweide
sitten en kaemen jimme net bij tis?
Pyter.
Wij hieden bij \'t ynkommeu wol sjoen, dat jimme sa
drok yn pitear wieren en woe\'n jimme ljeaver sa hommels
net forsteure. D�rora kr�pten wij earst hwet bij Bynse
Lykles en hiar oan \'t taefeltsje. Hwet drinke jimme,
biar? �o Minke, jow �s elts eak sa\'n poarsje! (Tsjin
Willem en Doive.)
Ef wolle jimme hwet oars drinke ?
Willem.
Wol n�, biar mar, n\'t Dowe?
Dowe.
Ja, mij eak goed.
Kasteleinske.
Der binne al trije heale fleskes. {Hja makket se
iepen en set se fodr Pyter en hiar del.)
As \'t jimme
biljeaft, feinten
Pyter.
Moai, hear! (Tsjin \'t selskip.) Minke is dochsjimmer
allyke bij-de-han, hin ? En hwet laekefc lija hioed wer
blier! O, hja wit sa mei de minsken om to geau.
Lieue
Der kinst op oan. Mar Pyter, dou biste fen dyn tekst
-ocr page 23-
21
oudwaeld. Niis seiste, dat jimme feu �s ousitten gio»
wieren om \'t jimme seagen dat Klaes en ik sa drok
oan \'t pitearjen wieren; � thochtste den, dat wij elkoar
geheimen hie\'n to fortellen ? Hwent as \'t soks net wier,
hoefden jimme to minsten net foare to bliuen.
Pyter.
Och, hwet scil ik der fen sizze? As men yn \'e l�ste
wiken Klaes en dij bij \'noar sitten of togearre kuyerjen
sjocht, thinkt men al: �der is wer hwet to forhak-
st�kjen oer Minne Gerbens frouliu" Jimme komme
der ommers beide sa trou? En as min dat yn \'e noas
hat, scoe elts jimme den net jern yn sa\'n gewichtig pi-
tear yn jimme w�sen litte ?
Likue.
Mei it thinsen: �as ivy it eak oer soks habbe, wolle
wij allyke min ljeafst Kindere wirde," n\'t wier? � Dou
thinkst hast al to eabel oer sok soart fen dingen, Pyter,
mar hwet Klaes en mij oangiet, as wij bij \'noar binne
is \'t ut alde frieunskip, moast bigrype, en net, om oer
Minne Gerben\'s frouliu to praeten : de tiid dat wij dat
hoefden to dwaen, is foar �s beide al lang foarbij. Dij
frijerij is ommers al wiken �t en kald!
Klaes.
Och man, hja is �s al wer forgetten en wij sjugge
eltse dei fen \'e iere moarn ta de lette joun om in nij aven-
t�r �t Der hie\'n wij it niis sa drok oer, modste rek-
-ocr page 24-
22
kenje Wij woe\'n Mr. Bolswerter merke elts minlike
jern wer in faem oan \'t snoer habbe.
Pyter, {spytgniishjende)
To mar, meitsje �s dat nou e\'ris wiis. M�enste den,
jonkje, dat ik net wit dat jimme forline snein Mr fjirtsien
daegen yet nei Minne Gerbens west habbe ? As \'t mij
forrifelje wolste, moast moarn\'s ierder opstean, hear !
Dowe.
Ei ja, jimme binne ommers yet mei de sjeas binnen-
troch de klaeidyk lansriiden ?
Willem.
En it hynser wykte noch ten syden fodr in pear einen
dij \'t ut \'e sleat fleagen, do \'t jimme de bocht fen de
Reade Leane omrieden? Nou, wite wij \'t eak?
Klaes.
Better as ik sels, nei \'t liket,\'hwent fen al dij dingen
is mij neat bikind. Ik ha snein foar fjirtsien daegen de
hele dei gjin foet bij tisers fen \'e p�ale hawn. Hwet
Lieue dij deis dien hat, wit ik fen sels net, mar ik
forwachtsje, hij hat allike min in stap fen \'t hiem oudien.
Lieue.
Nin stap, n�. Ik bigtyp stiver net, fen hwa \'t Pyter
en hiar sokke praetsjes heard hawwe. Dij frijerij, der \'t
hja �s mei pleagje, is sfker al wiken oan \'e kant.
Pyter.
O, o, hwet wolle jimme �s moai de eagen ticht
-ocr page 25-
23
klieme, net? Der sitte hja nou beide mei in antlit sa
from as apelsmots, om �s fen \'t spoar to lieden. Me
scoe w\'reftich miene, dat hja sels eak leaue hwet
�s hjir op \'e mowe spjelde wirt. Mar lokkich, dat wij
it better wite, baeskes. It kin w�se, dat Klaes snein
foa> fjirtsien daegen net fen \'e p�ale west hat, mar den
hat dij fen niks ouwitende goede jonge in wike letter (*)
de reis dien; dat scoe de earste kear net w�se, dat hij
op in oare dei gyng as dou, Lieue, mar derom hoefst
dou mij net wiis to meitsjen, dat-st-dou eak gjin stap
fen \'t hiem oudien luiste
Lieue.
Nou, en ik siz dij yet \'ris: \'t is wier, ik hab er gjin
stap
oudien.
Pytek, (hy laeltet)
Ha, ha, ha, nou tiel ik hwer-ste hinne wolste Sfkest
dij \'r mei in Menniste streek ut to redden, jonkje F �
N�, dou scilst wol gelyk habbe; dou hast dij deis net
in stap fen \'t hiem oudien, mar jimme donkerbr�ne sa
folie to mear, n\'t wier? As men yn \'e skuorre yn \'e
(*) Foar 14 jier wier \'t oan \'e Bolswerter kant yet, as
fen aids, br�kme om de reizen nei in faem om de trije
wike to dwaen. Inkelde hirdrinders begounen er do sa hwet
mei om de trjje wike net ou to wachtsjen, mar mei 14 daegen
al wer to kommen. Sa docht Klaes snein eak; dochs hjj
wier de l�ste kear , troch omstannichheden, in wike letter
gien as Lieue, en scil nou takomme snein al wer hinne,
om mei Lieue reisgje to kinnen.
-ocr page 26-
24
sjeas kropt en it hynser fierder l�ke lit, is min eak
frij sels fen \'t hiem en nei Minne Gerben\'s famke to
stappen.
En nou mienste miskien, dat ik eak net fetsje, hwet
jimme pitear fen niis to bitsjutten hie. As dat sa
wier, mo&st ik jister op \'e wrald komd w�se. Mar ik
bin bij tafal better �tsliept N�, jonges, ik begryp alles
wol: jimme habbe krekt sa mei-\'noar oerlein, dat jimme
takomme snieun- of snein-to-joune (*) wer d\'ris togemrc
it bikinde paedsje lans stjure scille, en best m�\'lik,
dat er yet mear efter stiket, en dat jimme mei-iens
eak wol oerlein habbe, om yn \'e nije wike mei de frouliu
nei Liowter merke to riiden. Scoe \'k fier mis slein
hawwe, hwat thinkt jimme, Willem en Dowe ?
Willem en Dowe, (tagelyk.)
Hiel-end-al net. Krekt de spyker op \'e kop, hear!
Lieue.
Ik modt sizze, dou forstietst de kinst om de dingen
op to thinken en oan elkoar to frisseljen. Al woe ik
yet sa jern, ik scoe \'t dij net sa neidwaen kinne. Fen
alles hwet-st-der nou bij\'uoar thocht baste, is sjuch sa
folie Qiy makket in biweging mei tomme en fingcr)
net fen oan.
(*) Twisken Warkum, Harns, Frjentsjer en Bolswertgong
it jongfolk destiids lyke goed snieun- as sneintojouns nei de
frouliu, afteas oan de boppe-ein fen djj krfte.
-ocr page 27-
25
Klaes.
Scoe Pyter sels eak mei sokke fo&rnimmens omrinne,
dat � alles sa moai foa> elkoar wit to setten ? Min
thinkt sa licht alle herten bij jins eigen (tsjin Pyter)
is \'t net wier Pyter?
Pyter.
Ik ha \'t fen \'t higjin ou oan al fornomd, dat jimme
myn wirden jimmei �ntwykje wolle. Mar derom bigrype
jimme mij wol, en jimme wite sels alderb�st, dat ik
de planke net sa stomme fier mis bin.
Willem.
Ik mat eak sizze, Pyter hat jimme hioed e\'ris kreas
f�st set Mar (op syn horloasje sjende) kom oan, it
is mear as myn tiid ; ik mo&t der ut. Hwa giet mei mij ?
Dowe
Ikke!
Lietje.
En wij eak, n\'t Klaes?
Klaes.
Ja, hwent ik mo&t myn boadskippen yet dwaen.
Willem.
Wij kinne yn \'e jachtweide wol bitelje. Minke stiet
der dochs. Mar gietst dou net mei. Pyter?
. Pyter.
N�, ik mo&t hjir yet wol efkes bliue, om op �s omke
Johannes to wachtsjen ♦ dij scoe hjir om middei hinne
-ocr page 28-
2�
komme om mei mij oer in weidkou to praeten. Mar
gean jimme mar hinne : ik fyn jimme strak yet wol-d-ris
yn \'e Doele ef op \'e appelmerk ef derearne, as jimme �
twisken de beide piipen kuyerje. Sa lang den g\'n dei,
jimme!
Allegearre
Dei Pyter!
SEKSTE TOANIEL.
Pyter, (allinne.)
Hwet liab ik Lieue en Klaes der efkes moai yn \'t
nau hawn! Ja, min moat sokke baezen mar oer e staek
sette en beare dat min alles wit e f bigrypt, den merkt
min it gauste ho de foarke yn \'e stalle sit. Ik hie \'t
wol yn \'e gatten dat it sok spil wer mei hiar beiden
w�se scoe. Hwet die\'n hja hjir oars sa togearre yn dat
efterkeameike to m�skopjen? \'t Wier ommers klear
en bleat, dat bja \'t oer hiar frijerij hieden en derom
gong ik, do \'k yet yn \'e jachtweide siet, e\'ris �nge-
mirken nei de tapkas, hjir da\'lik efter it skut, � sa
beare
om mei de kasteleinske in wirdmennich to praeten,
mar yn wierheit om in pear tellen skerp de earen op
to setten, ef ik der eak hwet fen Lieue en hiar\'s pitear
forstean koe. Nou, sa s�nich praetten hja net, efikkrige
de tried fen it pitear al sa\'n bitsje beet, en ik bigriep
-ocr page 29-
27
er al ringen dit fen, dat de frijerij fen Klaes en Lieue
der bij Minne Gerbens yet fleurich oan \'e gong is en
dat er eak gn\'itsjen fen is om mei dij frouliu nei
Liowter merke to riiden.
\'t Is den duvels! Dij Anke mei Klaes om myn pari
halde, mar Wikje, dat begreatet mij raer. It is sa\'n
tsjep en aerdich frouminske, jimmer allyke blier en bij
de ban! Eu dat dij Lieue der mar mei oanhaldt,
wylst ik de fingers er net e\'ris twisken krije ken Min
scoe er p�r under wirde! Ho faek hat mij dat nou
al yn \'e wei west, as ik hiar bij in pretsje ef inkeld oer
iis jimmer bij \'n oar fyne moaste. En der skynt eak
mar neat oan to foroarjen to w�sen . . . (Op syn hor-
loasje sjendc).
Omke scil eak liast komme, thins ik; ik
mei earst yet wol-d-e\'ris keapje. (Hij draeit kim om
oan \'e loftersyde en stekt it lege Heske yn \'e hichte.)
Kasteleinske, jow mij yet sa\'n po&rsje!
Kastei-einske, (Hja set in oar heal-
fleske biar op
\'e taefel
del en nimt Pyter it
lege ou.)
Hjir stiet it al, Heppema. Seyen jou oer in hoartsje
net, dat jins omke Johannes hjir komme scoe? Hij
moast er eak al west ha, net?
Pvter.
O, Hij komt wis da\'lik, hwent hij is jimmer op tiid.
-ocr page 30-
28
(Hja giet ou.) (Pytcr giet yn kim sels foart:) Mar
om (Hij giet /en \'e stoel ou en foar op \'t toaniel
stean; nou en den in bitsje \'hinn\' en wer rinnende.)
yet e\'ris op dij frijerij feu Lieue del to kommen, � ho
langer as dij duorret, lio mear as dij twa op elkoar for-
slingere reitsje. Yn Harnser merke, bij de hirddraverij, (*)
der \'t Wikje en Anke mei hiar heit liinne riiden wieren,
hab ik yn \'t lan yet in poaske bij hiar kapwein stien,
mei hiar praeten en grapkes makke, yn \'ehoapsa\'n bitsje
fen Wikje to fornimmen ho f�st as it spil twiskeu hiar
en Lieue stie, en of hja der eak earen foar habbe scoe
om e\'ris to foroarjen. Mar, pas op, hja is sa kein en
wit sa goed op tiid to sizzen en to swijen. Ik krige
neat �t hiar, hear, al leau ik foar f�st dat hia mij oars
net licht oustegerje scoe Nou, den hie hjasefteaksa\'n
flinken feiut as nou, scoe \'k thinke. Lieue, in stille
jonge, in soan fen in ienfaldige hierboer, dij \'t, as \'t
op jin yn \'e wrald to fortoauen ef mei stokmantsjes to
rinkeljen oankomt, yn \'e efterste ein stean moat; ef mij
in soan fen in eigenerfde boer, hwaens heit Lid fen de
Staeten is, en dij \'t him frij hwet better yn \'e wrald
redde en mei fammen omgean kin as sa\'n kalde, droege,
ienfaldige Lieue Sybrens. As ik dij forgelykinge yet
\'ris ophelje, is \'t, thinkt mij, hiel-end-al in minskegriis,
(*) Dat jiers is to Harns yn \'e merke hirddraefd.
-ocr page 31-
29
dat san lieaf, kr�dich famke gjin oare feint hat ....
(Nei in amerij.) Scil ik it dochs net e\'ris op \'e man
ou probjearje ? Oan \'t nou, ha \'k yet neat dien as op
\'e kant ompraete. As ik l�ar e\'ris plan-�t frege om
bij hiar to kommen en mei mij ut to riiden to gean?
As ik mei sok in foarstel fiowerkant foar hiar stie, scoe
hja den wol wegerje doare ? Hja mei mei Lieue op ha,
mar mij derfoar in blauke to jaen en tagelyk hiar sels
alle kans to binimmen om mij eat oan \'t snoer to krijen,
dat scil hja dochs net bisteau doare, scoe min sizze
As1 ik \'t e\'ris op weage I Best mu\'lik, dat ik Lieue �n-
forwacht it soaltsje lichte, en dat ik den yn pleats f en
hij mei Wikje nei Liowert ried. \'t Scoe stomme moai
w�se. Hwet scoe Lieue (en Klaes eak) raer bij de noas
lans sjen. Den koe er mei riucht en s�nder liigen
sizze, dat syn frijerij oan \'e kant wier. Al wier \'t mar
om dat wit to birikken, den wier it fyt allinne al raoayer-
n�ch. En as ik myn nocht wer f\'en Wikje 6f ha , lit
ik hiar dochs wer rinne en kin Lieue- er ommers op nij
hinne tsjen. Ik moat er th�s yet e\'ris bidaerd oer nei-
thinke. � Mar der rint Omke krekt de herberge foarbij.
Hij skynt .hjir yet net to kommen. Den mo&t ik him
mar ringen efternei. {Hij giet.)
\'t Girdyn fait
-ocr page 32-
Oarde �tkomste.
It milh�s /\'en Minne Gerbens. Oan \'e riuchterhdn,
de muorre tsjin \'t binh�s oan, in alderwetske hege
skoarstienmantel; oan diz\' kant f en dij mantel hinget
in rakje mei piipen en der nest in Jouster-klok. Yn
\'e hoeke foar oan \'t toaniel stiet in hoekspine. Oan
\'e oare sydc Jen de mantel yn \'e hoeke in doar dij \'t
nei \'t binh�s laet. Op \'e cftergroun in muorre mei in
finster der yn. Oan \'e loftersyde stiet in alde houten
kas ef keeft, swart o/ donkerbri\'in opgldnse. Yn \'e
fierste hoeke de doar nei \'t foarh�s en it b�th�s.
De muorren binne net bihongen. Bij de muorren
lans matten oer \'e flier. Bij de taefel en tsjin de
muorren oan, stuollen. Op de taejel koffyguod.
FOARSTR TOANIEL.
\'t Is Sneintojoun. Lilue en Ki.aes binne om acht ure
binne komd en ha mei kofl\'ydronken. \'t Koffydrin-
ken is nou dien en de manliu binne nei efteren ta;
it eigen foltsen om yet\'ris yn \'t waer to sjen en den
op \'e feaven to kr�pen, en de beide frjjers om straks
werom to kommen en elts bjj syu faem op to sitten.
-ocr page 33-
31
Wikje, allinne. (Hja stiet bij de
taefel it ih�guod om to
faegjen.)
\'t Scil mij dochs e\'ris binije ef Lieue der oanstouns
eak fen praete scil om mei \'enoar nei Liowter merke ta
to gean. Ik hoapje \'t al. Forline jier ha \'k troch myn
sjeachtme fen alles th�s bliue moatten, derom scoe \'k
fen \'t simmer to minsten jern hwet mei bilibje wolle.
Jimmer yn \'e kinkhoarn to sitten is foar in jongfaem
eak al net in bult oan. En it �tgean mei Lieue en mij
is oan \'t nou yet eak net sa folie wirden. Mei dij lette
winter yn Febrewaerje habbe wij mar inkelde daegen riide
kinnen j en dat wier yette tiige breklik, om \'t ik sa\'n
hakkenkruk wier en it hiel-end-al net �thaldekoe. Nou
derfoar scoeden wij feu \'t simmer de skea ynhelje, waerd
er sein. En sfker scoeden wij l�sten den eak in �tsetsje
ha, mar jawol, do \'t er alhiel tsjinoan wier, koe �s sel-
skip net. Sa misl�arre dat eak wer.
O ARDE TOAN1EL
Anke, (Hja Jcomt �l it bin-
h�s wei.)
Hea Wikje, ik miende dat-st-dou debinh�sfinstersjouns
ynskoattele hieste Mar do \'k er nei seach, kaem it mij
foar fen net.
-ocr page 34-
82
WlKJE.
Nou, ik doch it oars eak altiid; dat witst wol; mar
ik ha \'t hioed forgetten, en mij thinkt, fen \'ejounmocht-
st-dou it eak wol-de\'ris dwaen. Hwa hat er straks it
measte bilang bij. (*)
Anke.
Ei famke, rin hiiine! Mar honear, thinkste, scoe heit
joun thuskomme?
Wikje.
Ik miende fen net foar in ure ef tsien, alve. It is
ommers om oer \'t slatten fen de opfeart to praeten, dat
hja mei hiar fiiven bij-enoar komme scoe\'n ? Nou, heit
thochte, dat scoe wol net sa yn ienen ourinne, om\'t der
jimmer tsjierderij oer \'t �nderhald fen de opfeart is.
En hja scoe\'n om healwei achten eak pas gear komme.
Dou wierst fen \'e foarmiddei krekt it milhfis ut, do heit
der tsjin Oeds oer praette
Anke.
Nou, heit scil, as-d-er werom komt, wol oan jimme
finster klopje. Den kinst dou him mar efkes ynlitte;
hij scil dochs net sa frjeamd opsjen, dat-st-dou yet op-
biste. (Nei in todmtsje) Wol, wol, hwet hie Oeds it
niis wer mei Klaes en Lietie to redden, net ? Dij jonge
mei hiar den sa dealse jern\' ris pleagje. En jouns,
(*) Anke en Klaes, as de aldste, geane straks yn \'t binb�s
(it moaiste fortrek) sitten.
-ocr page 35-
33
nou \'t heit er net bij wier, naem er yet hwet mear frij
as oars
Wikje
Ja, en hij haldt eak nea op, mar wit hiar jimmer wer
op hiar eigen wirden to fangen. It is foar Lieue en hiar
soms op it aeiJige ou, om \'t de boden der eak bij sitte,
en hja fen sels de m�le sa folie net frij jaen kinne
as Oeds, dij \'t th�s is. (Hja set it th�guod yn-en-oar
op it bl�dsje.)
Anke.
N�, dat is sa, mar ik mei \'t oars wol-d-e\'ris heare, dat
de �iianliu mei elkoar oan \'t dwers-eidsjen binne Eu
Klaes kin, as \'t er op oan komt, Oeds soms eak kreas
op plak sette.
VVlKJE.
Ei, mij thinkt, dat Lieue, as \'t w�se moat, him eak wol
biskie wit to jaen. Ma* Lieue haldt him trochstriugs
earst hwet mear efter�t.
Anke.
Dat bidoelde ik eak net mei myn sizzen, as ef Klaes
allinne il wird hat. Mar hald dij mar stil, ik liear de
b�thusdoar gean. Klaes en hiar scille der wol oan-
komme, thins ik (Klaes en Lieue komme at de ef-
terein fen \'t hits ivei it milh�s yn.. Hja habbe elts
in lange piip yn \'e hun, dij \'t rit is, de petten op,
in swart syden halsdoek urnen in wit oerliimdsjejoar.)
3
-ocr page 36-
34
TK�D�E T�ANIEL.
De foarigen, Kj,aes, Lieue.
Kxaes.
Der steaue de fammen w\'reftich al op �s to wachtsjen.
Ho is :t Wikje, hat it jou al forl�eld ? Ef scoeden jou
Lieue hast helle hawwe Y
WlKJK.
Wol, raiene jou den, dat ik sliucht w�se scoe ? N�
teint, ef bieden jimme yet in ure yn \'t b�th�s bliue
wollen, ik wier it milh�s net �tkomd, en Anke allyke
min, forwachtsje ik. As \'t �s to lang duorre hie, hieden
wij de milh�sdoar op \'e sko�ttel stritsen, wieren efter de
bedsdoarren kr�pt en bieden jimme stil wer nei h�s
kroaskje litten. Uigryp je ?
Klae?.
Och, hertsje, dat hieden jimme ten tierren net dien!
Jimme wolle ommers lier\'s to graech elts yet in skoftke
bij in soun minske weitsje.
Anke.
Mien dat nou mar net, heite! Wij dogge it letterlik
om jimme e\'ris to wille to w�sen en in pleisierke oan to
dwaen, dat wij �s skoaudere nachtr�st sa opofferje. Jimme
komme hjir ommers hieltiid mar wer, en den slacht biar
en bermherticheit �s eak wer om \'t hert, moaste rekkenje.
-ocr page 37-
85
LlEUE.
t �kynt oars ten Anke syde net sa\'n botte opofferinge
to w�sen, hwent as \'t dat wier, scoe hja Klaes net om
de fjirtsien daegen op \'e nij tintbean ha, scoe me sizze.
Anke.
Op \'e nij untbean! Nou moat min dat w\'reftich
yette eak heare. Ik hab er al noch tsjin ynlein, dat
hij hioed lij ir al wer komme scoe to f�terjen, mar hij
woe sa jern, en al ho \'t ik eak tsjinkearde, hij halde
mar oan as stourein. (*)
Klaes.
N� liea, mar dou thochste sels, dat it sa moai �tkaem,
as ik hioed wer mei Lieue gyng.
Wikje
Kiekt as ef \'t ik Anke forteld hie, dat Lieue wer
komme scoe! Dat think\' jou nou eak allegearre wer op,
Klaes. Ik scoe eak oan Anke en hja oan mij sizze, dat
en honear �s feinten tor�chkomme scille. Wij scille
beide wol wiizei w�se. En as ien fen jimmen den letter
e\'ris yn \'e holle krige om net wer to kommen, � me
kin sa\'n bitsje op it wird fen feinten �f � den siet dij�
(*) Anke en Klaes binne hwet alder en hiar frjjerij is
hwette f�ster, dcrom sprekke hja eak yn \'t bjjw�sen fen
oaren, elkoar oan mei >dou", en doar Anke hjir sizze hwet
hiar yn \'e m�le lein wirt. Wikje scoe wearskynlik net
sa op \'e man ougien ha, mar mear yn \'t alyemien fen de
feinten
sein ha, dat hja oanhalde om wer to kommen.
-ocr page 38-
36
jinge fen �s hwa \'t it oangyng, mar moai mei in bi-
skamme troauje, hin ? N�, as der �iider jimme beiden
oer Lieue syn weromkoniinen praet is, ha jou dat sein
Klaes, en mo&t Lieue der tsjin jou fen �tlitten hawwe.
LlKUE
Wikje Wikje, ho doar jou (*) dat nou to sizzen ?
Klaes en ik praete hiel-end-al nea oer jimme as wij bij
melkoarren binne Wij hannelje oer hiel oare dingen as
oer frouliu, as wij yn pitear sitte Sok praet, der binne
wij boppe oer hinne, moatt\' jimme rekkenje.
Anke.
En as jimme �s den sa\'n bitsje telle, hwerom stean\'
jimme den yn \'e moarntiid, eltse kear as jimme loart-
geane. der sa op oan om werom to kommen ?
Lieue.
Hea Anke, is \'t wier, docht Klaes dat ? As jou sizze
fen »jimme" mo&t min dat er wol foar halde, hwentjou
kinne fen sels oer syn dwaen en litten alliune oardielje.
[Oeds docht de milh�sdoar iepen, stekt de holle er
troch en blieut sa in eachopslach stean)
Anke
Moat dat nou tsjinje om mij yn \'t nau to krijen ?
Jou wite sels alderb�st ho untsettende jern jou om \'e
(*) Lieue en Wikje wolle foar de minsken � net iens
foar hiar neiste raiigen en frieunen � eak it minste net
trochsknnerje litte, dat hja eat oan elkoar hing.ju. Hja sizze
derom »jou" tsjin elkoar as er mimen bij is.
-ocr page 39-
87
trije wike de Reade Leane e\'ris opriide wolle en bwet
l�st as Wikje bij \'t �fskie jimmer hat om fen jou of
to kommen. Ho let binne jou de l�ste kear, do \'t jou
hjir allinne west hawwe, wol foartgien ? Ik scoe mar
swije. as \'k jou wier.
Wikje.
Hearink Anke! En dat eak yet wol wylst Oeds der
yn \'e doar stiet. (Oeds komt it milhiis yn.)
(Hij is yn \'t �nderbaitsje en sliuchtwei forklaeid.)
FJIRDE TOANIEL
De foarigen. Okds, {Hij blieut stean.)
Oeds.
Ja, as jimme sa drok yn \'t pitear binne, lyket it wol
dat jimme eak nearne oars earen foar habbe. Ik woe
myn horloasje yet ef kes helje; dat leit hjir op \'e kas;
oars wit ik feu nacht, as de feint fen \'t b�d ougiet om
it hynser yn to slaen, eak net honear Klaes en hiar foart
geane. Nou gyng ik vit it buthus wei yn \'t foarh�s op,
en do ik jimme der yet ridlik lfid mei-en-oar praeten
hearde, begriep ik da\'lik, dat Anke en Klaes yet net nei
de Mrein forfearu wiereu en dat ik derom �nforhindere
foartrinne koe Mar gjin ien fen jimmen hearde mij de
milh�sdoar iepen dwaen, sa \'t skynde, en derom wachte
-ocr page 40-
3S
ik in hoartsje om Anke utpraete to litten. Der, nou wite
jimme ho \'t ik hjir sa ynfal, en hwet ik hjir wol. Is
dat nou sa slim ?
Lieue, (gikoanstekjende.)
Hwet is \'t dochs in hearlik dinof san horloasje lizze
to litten op in plak der \'t me jern yet\'e\'ris efkes kypje
wol. \'t Is disse kear allinne mar in bitsje �nlokkicli
biteard, dat wij hjir yet mei us rioweren wieren, oars
hie \'t eak sa\'n moaye gelegenheit w�st om mei ienshiel
tafallich Wikje en mij e\'ris oer \'t mat to kommen. Ef
moat ik der �t opmeitsje, dat it wer is om �s mei �s
beiden in bitsje to narjen en in bitsje fen elkoar of to
halden ?
O�ds.
Jou meye der �t opmeitsje hwet je wolle. Ik haw
in breede r�ch, der stuitet in hoapen op of, moafje
telle. [Hij krijt �nderwylcs it horloasje fen \'e kas
ou en haldt it yn \'e hdn. Hij rint foar Lieue lans,
dij syn piip dertroch yn gefaer is.)
Lieue.
Nou, nou, der scoe mei jou geskrip myn piip it hoekje
hast al omgien hawwe.
Oeds.
En hwet scoe dat ? Dij piip der habbe jou ommers
jouns dochs mei dien, net ? Ef is it feintsje fen plan
om hiar op in oare joun yet ris to br�ken ? Me scoe
-ocr page 41-
39
net sizze, hwet in ynbielding. Wij wolle him hjir lang
net wer op it hiem hawwe, hwet seist dou Wik, hin ?
Hij moat al fen genede sprekke, dat syn hynser hjir feu
\'e joun wer op \'e stal komd is. (*)
Klaks.
To Wikje, bergje dij piip mar ringen op, ef hingje
hiar der oan \'t rakje. Jou heare ommers wol, ho\'n noed
as Lieue der feu stiet. Dat bitsjut gen�ch, scoe\'k sizze.
Oeds.
Ja, dwaen it foaral yn-ienen, liea, oars mocht it wer
gean, lyk as foar trije wike. Do hie hja disse selde piip
de "Sneiusfoarmiddeis, dat Lieue de jouns fen to foaren
hjir west hie, efkes op \'e taefel lizze litten om hiar �
Hantsje-om mei. wite hwerhiune � �t \'e wei tobringen,
do \'t ik krekt it milh�s yn rinnen kaem, dij piip lizzen
seach en net witende dat it Lieue synen wier, der op
ta roun om er in ein 6f to brekken en er dij Sneins
sels �t to smoken. Mar jawol, Wikje seach net dat ik
op \'e taefel taskeat, of hja pakte de piip foar myn noas
wei. O! sei ik, nou wit ik eak dat Lieue wer komme
(*) Dit slacht op de fraech dij \'t in feint docht (binam-
men djj \'t foar de earste kear nei in faem tai�idt) as der
op sa\'n tiid jouns earne op \'t hiem komt. Den bynt er it
losse hynser ef bynser-en-sjeas mei in helter oan in ring
yn \'e eftermuorre fen de skuorre f�st, rint nei foaren, rinkelt
oan \'e klink fen de doar en freget, as him iepen dien wirt,
net ef hjj sels yn \'e h�s komme mei, mar ef syn hynser der
eak stalje kin.
-ocr page 42-
40
scil. en och, och, hwet krige hja do in kaem, om \'t
hja hiar sa Hik forpraet hie.
Wikje.
Dou naere jonge moast tis eak jimmerpleachje en alles
oan \'e greate klok hingje! Hwet hat in oar der nou
mei nedich Invet Ander �s beiden bard is? Wier \'t
net moayern�ch dat ik mij sa dom skyne litten hie, dat
\'k dij piip bihalde woe ? En wier dyn wille yet net
greaternoch, dat it dij eiuling �nforwachte e\'ris lokt
wier dertroch sydlings Invette oangeande Lieue syn kommen
wiis to wirden ?
Oeds
W\'reftich net, dat stikje wier fier\'s to moai om to
swijen. Fen \'e jouns bij de kofl\'ytaefel koe \'k it sa goed
net op \'e proppen bringe, mar nou \'t wij hjir dochs mei
�s fiiven binne, is \'t krekt de ure om it er ut to flappen.
Dou hoefst ;er sa\'n kleur net wer om to krijen, famke!
Anke.
Hea, it is frjeamd Oeds. dat-ste feu \'e joun mule en
eagen sa goed iepen halde kinste. Oars bist om diz\'tiid
jiminer sa slieperich en kinst de klok fen acht ure
skraechwirk �f\'wachtsje, om nei \'t b�th�s to gean. Mij
thinkt, it is s�ver in griis foar dij dat-ste hjir yet stietste.
Dou koest dyn earste sliepke al �thawn hawwe!
Oeds.
Wolste mij sa jern foart hawwe sister ? Den scoe \'k
-ocr page 43-
41
er siker nocht oan ha om yet in heal ftrke to bliuen.
Mar (hij sjucht op syn horloasje, dat er yn \'e hein
halden hat)
om \'t mij foarkomt, dat myn wit nou
goedern�ch birikt is, scil ik mar opkroadsje. Ik woe
jimme mar efkes in toarntsje yn it oanfetsjen fenjimme
swiet wirk oplialde. oars hie \'k hjir nin boadskip \'t
Horloasje hie \'k fen e joun mei sin op \'e kas lizze litten.
\'n Joun, jimme, folie pleisier, en it net to bot oanlizze,
hear! (Hij giet iver nei e f teren.)
Lieue.
Ha \'k it net sein? Tk bigriep wol, dat it boadskip
om it horloasje mar in opthinksel wier.
Anke
Ja, it is altiid sa\'n biis, dij jonge. Narje en h�nje is
syn greatste nocht.
Klaes, (tsjin Anke, loylst er
op de binh�sgongsdoar
wiist.)
Mar wolle wij it nou eak\'ris fjirder op bisiikje, Anke ?
Wikje en Lieue sitte sa mei smerte to wachtsjen, dat
wij hiar einling togearre litte scille.
Anke.
Ja, dat thinkt mij eak. it wirt mear as tiid foar hiar.
(Hja geane nei \'t binh�s ta)
Wikje.
Foa> jimme net, hin ?
-ocr page 44-
42
FYFTE TOANIEL.
LiEUE WlKJE.
{Hij slacht hiar, sunder dal hja \'t merkt, de hun
om de hals en �ntstelt hiar in patsje.)
Wikje, (hja wearet him s�/\'t ou.)
Hou, hou, jonkje, clou bist er joun sa ringen mei klear.
Kinst sa lang net mear wachtsje, dat wij bij-en-oar sitte?
Lieue giet op in stoel bij de taefel sitten, oan \'e lof-
terkant fen \'t toanicl, en hja oan syn syde.)
Lieuk
Ei nou hju, scoe min der eak nin sin oan krije, as
min earst sa lang wachtsje modtten hat fodr \'t m�t om
\'e teannen wei is ?
Wikje.
Ja, sa binne jimme nou altiid! Nea kinn\' jimme
jimme sels bidibberje as jimme sin oan \'t ien ef oar
hawwe, nea jimme tiid net e\'ris bihoarlik �fwachtsje. \'t
Is mar goed dat wij �s better bihearskje kinne, oars
scoe \'t er w\'reftich moai �tsjen.
Lieue
To mar, wolste wer oan \'e gong? Ik scil der joun
mar op swije; to minsten op dit amerij ; strak kinn\'
wij yet altiid e\'ris sjen. � Mar wol ik dij \'s hwet for-
telle ? Buwinga\'s Doedc hat forline snieun-to-joun nei
JRiemke Inia ta west.
-ocr page 45-
43
WlKJE.
Nei Saepkc Inia, mieuste. Nou, dat is just net sa
folie nijs. Forh\'ne simmer hat er der ommers eak al
in hoartsje bijkomd ?
Lieue.
N�, n�, nei Itiemke, siz ik dij.
Wikje.
Ei, dat moutte liigens w�se.
Lieue.
N�, yet \'ris, hij hat nei Riemke ta west en dat makket
kiekt, dat hwet ik dij forhelje wol sok frjeamd nijs is.
Lyk as-t-dou seiste, hat Doede forh\'ne simmer in tiidlang
bij Saepke komd, ja der yet eak wol ienkear in dei ef
hwet mei ut to riiden west. Mar hwet wier nou it
�ngelok? Ho iaeker as hij bij lnia\'s kaem, ho minder
as hij syn faem skynde hje to meyen, en ho mear sin as
hij oan hiar sister Riemke like to krijen. Tsjin de hjearst
rekke de frijerij mei him en Saep ut.
Wikje
Ja, om Joustermerk hinne, dat wit ik yet wol.
Lieue.
Krekt, om dij roai sahwet. Sount skynt Riemke
him yet jimmer yn \'e holle om spile to habben,
krekt sa lang dat er der einling ta oergien is om
wer nei Jan lnia\'s to riiden en dizz\' kear Riemke to
ireegjen.
-ocr page 46-
44
WlKJE.
En hied-er Riemke der foa>�f neat fen wite litten ?
Lietje.
Hiel-end-al neat. Do \'t Doede snieuntojoun der den
eak it milhiis ynstapte, gyng Saep da\'lik opstean, helle
in piip ut de foarkeamer en rikte dij, lyk as foarhinne*
Doede ta . . . . Hie hja do witen hwet er (en sins wier !
Den scoe hja dat boadskip eak dien ha foar Riemke, dij-
\'t-er sels libben bij siet! Mar fen sels, hwa koe eak
oars thinse, as dat er op \'e nij om syn alde faem kaem ?
Lykwol, dat wieren de boer syn giizen net. Do \'t it
koffydrinken dien wier, kaem de moart �t. Hij frege
Riemke, yn pleats fen Saepke. Ik moat sizze, \'t wier
foar Saep �ntsettende sneu, en ik bigryp stiver net ho
Doede it weagje dodifste, en hwerom as-d-er dat spil net
hwet oars �nderlein hat.
Wikje.
En hat Riemke hira halden ?
Lieue
Ja, en dat is mij gen�ch tafallen.
Wikje.
Nou, hij moast mij net foar hawn hawwe. Ik hie
him �ngetreast wer nei h�s ta panderje litten. In
feint, dy \'t net mear earefieling hat, fortsjinnet net
better. En boppe dat, scoe \'k soarch hawwe, dat dit
hiele spil op gikoanstekjen �trinne scil; best m�\'lik
-ocr page 47-
45
dat er wol in weddenskip twiske sit, en it weachstik fen
Doede deroan syn �ntstean to tankjen hat. Rierake
scil hiar yet wol-d-e\'ris. bikleye, as hja hitn net gau wer
de bouns jowt.
LlEUE.
Kom, dat scil wol better biteare. Doede, al hat er
him hjiryn tiige frjeamd halden, is hiel nin gikoanstekker,
raar in earlike opriuchte feint.
Wikje, (nei in amerijke).
....... Den scille hja miskien yet wol togearre
nei Liowtermerke riide. Ha jou eak heard dat der
mear �t �s kryte wei hinne scille ?
Lieue.
Oars net as fen Hiltsje\' Riemer en Oene Asiuga, mei
hiar frouliu.
Wikje.
Ik miende fen Tjitske Warnia en Jan Dowes Klaske-
en-hiar eak. To minsten, �s Oeds hat der gr�tsjen fen
heard. Klaske hiar feint, Diurre Sfnes, hat der tsjin
him oer praet. As \'t waer goed is, is \'t eak in aerdich
reedsje, en in raoai pleisierke blieut it altiid.
Lieue.
Der \'t Wikjo eak hwet in sin oan habbe scoe,
net?
Wikje.
Omdat ik dat sa sei? Och, ioir mij sels ha \'k der
-ocr page 48-
4(i
hiel-end-al yet net om thocht Utgean der praktisearje ik
or\'naris net folie oer, moat\'je rekkenje.
Lieue.
Altiid dij kearen �tiiomd, dat sok ding feu sels bij
dij opwalt, n\'t wier \'i (Hy fettct hiar by de hdn, strykt
hiar om \'t kin en kypet hiar yn \'e eagen)
O, famke,
nou wolst mij hwet op \'e ruowe spjeldsje. Ik l�s it
ommers d�dlik �t dyn eagen, dat-st er eak sa bjustere
jern hinne wotte!
Wik je
Gjin hier op myn holle, dij \'t er yette om thocht
hat.
Lieue.
N�, liea, mar dyn sinnen saf�lle to mear. It spjtmij
alliune mar, dat ik net kin, oars hie \'k it dij fodr in
heal�re al oanbean.
Wikje , (rimpen, ivylst hja syn
hdn loslit.)
Kinst dou net? Hwerom net?
Lieue, (Hij lukt it antlit yn fleren.)
Om de drokte hie heit ljeaver, dat ik tlms blieu. It
spyt mij �ntsettend, foaral om dij.
Wikje.
Ik skyn eak nea net \'ris hwet wille hawwe to meyeii.
Forline simmer ha \'k alles loarbij gean litte moutten
om \'t ik jimmer poaterich wier, en hwet is der feu \'t
-ocr page 49-
�7
pleisierjen komd sount jou (*) bij mij rinne? Fen \'t
winter ha\' wij mar hiel inkeld earne hinue kind, en nei
de ioarjiersmoanne is der hiel-end-al niks bard.
Lieue.
Wikje, famke, rinst nou net hwette to hird ? \'t Is
wier, wij hieden mear �tgean kinnen, mar hwerom hat
it net faeker pleats hawn ? Yn \'e foarwinter wachtten
wij ommers jimmer op riiders-iis, dat mar net komme
woe; � do scoe\'u wij mei-en-oar e\'ris op in joun nei
st�d, as it selskip �Thalia" der spile, dat lykwol nou
krekt der net west hat; � en dat it flean\'de neiwinterke
in fearnsjier foar Maeye, vis net mear wille jowch, hwa
koe dat helpe\'?
Wikje, [op in oare toan.)
�ou net en ik net, jonge, mar myn ynhalden. Ik
wit wol, dou woest mij dij daegen jern sa folie wille
oandwaen ast\' mar koeste, en hast mij eltse dei hast oan-
bean hjir ef der mei mij hitine to riiden, mar dou witst
eak wol, do \'t wij in kear twa foart west hiene, ho min
as mij it riiden �fgyng.
Lieue, (Hij jettet Mar wer bij de hun, slacht
syn earm om Mar hals en sjucht
Mar min e/ mear earnstich oan.)
En habbe wij krekt dij inkelde kearen oer iis, net nu
(*) Nou en den lit Wikje de fortrowelike toan fan-e en
seit hja tsjin Lieue fen »jou".
-ocr page 50-
18
wille hawn ? O, ik forjit him nea, dij Snieun, do \'t wij bij
de hirdriiderij to Frjentsjer togearre op \'e bijbaeu twiske al
dat folk ynriedeu. Hwet wier \'k er grutsk op, dat ik der
mei dij sa moai hinne sliuerke, en hwet die it mij goe,
dat-st-dou dij bij dat �tflechtsje eak sa formakkeste. En
de jouns op \'e weromreis, ja, it einde net hird, en wij
foelen vet al-d\'-ris, mar do \'t wij yn dij kalde winter-
nacht, om \'t yn de feart hjirhinne to folie wjekken
wieren, it leste ein nei h�s ta rounen, wier \'t do binnen
yn �s eak kald ef . . . . wier \'t sa, dat wij �s, just om
en troch dij lytse tsjintrybelingen feu de reis, yn dat
amerij lokkiger fielden as ien ure to foaren yette, lok-
kiger eak as wij do sels hast wisten ? Siz, Wikje!
Wikje, (Hja slacht de eagcn Jodrdel.)
Dou hast gelyk, Lieue. Dij dei en dij joun .... en
ho-ste dij do tsjinoer mij halden haste ; � hwet-ste dyn
best dieste om mij to wille to w�sen eu yn \'t nei h�s
riiden oppaste, dat ik mij net oerried ef op it iis foei,
(ik hie sa\'n bitsje aesem!); � en ho\'st mij it leste ein,
do *t wij togearre it paed nei h�s oprounen, ticht oan
dij l�kste en mij op sa\'n seafte toan f\'regeste ef it sa
goed wier en ik mij net to wirch tielde om dat ein
noch to linnen (Uja luorket him sahwet oan), wylst-
stou, al ho\'n sjou dat-ste eak mei mij hawn hieste, hiel
net om dij sels thochste en nearne fen kikste ....
sjuch ... n� � dat ha \'k net torgetten; � mar it hie sa
-ocr page 51-
40
aerdich west om mei\'n-oar nei Liowter-merke ta; dou
hiest it ommers l�sten eak sahwet heal trochskimerje
litten, en nou .... yn-ienen sa riucht oars om! (Hja
glimlcet hitn oan)
Dat makke, dat ik niis hwet l�d
bigoun to grynen. � Is der suwer neat oan to foroar-
jeu, Lieue?
Lieue.
Ja � alles, famke. Ik woe dij mar ef kes pleagje, hear!
Wij gean\' takomme freed nei Liowter-merke ta en riide
dernei de Walden \'ris troch, as-t-er neat op tsjin haste;
Klaes en Anke mei fen sels. Hwet ik fen de drokte
sei, wier mar in grapke. Wij hawwe de ungetiid al in dei
ef hwet dien; dij wier sa great net. Wol, hwet seiste nou ?
Wikje.
Hearink Lieue! ho kaemst er den bij, om mijearstsa
to fiter to habben ? (Me heart siinich tikjen op it
finster yn
\'e eftermuorre.) O hea .... der wirt op
it finster kloppe. Dat is heit, thins ik. (Mei it antlit
nei it finster)
Binn\' jou dat, heit ? Ik kom, hear! (Tsjin
Lieue.)
Ik scil heit gau ta de foarh�sdoar ynlitte. Gean
dou nou troch dij doar (Hja wiist op \'e doar nei it
binh�s)
en sa troch de �tdoar yn \'e binh�sgong nei buten yn
it hoaf; den hoeft heit dij hjir net to sjen, en kom ik
da\'lik bij dij, om mei dij it hoaf e\'ris troch ef it h�s
om to kuyerjen, yn \'e tiid dat heit ut \'e wei kropt
A
(Underwijlens binne beide opstean gien.)
4
-ocr page 52-
50
LlEUK.
Mar dou liast mij yet nin antwird op myn fraech jown.
Hwet seiste ten myn plan? (Der wirt yet e\'ris l�der
kloppe.)
WlKJK.
(Nei it finster.) Ja, ik kom al, heit. {1\'sjin Lieue,
wylst hja rimpelt beide hunnen om syn hals slacht,
him blierlaitsjende yn \'e eagen sjucht en him in t�tsje
jowt.)
Hwet ik siz? Dat hoefst net mear to freegjen,
scoe \'k miene Ik nim it oan, hear! en wol jern mei
dij tit to �iiden. (Hja rint hird foart troch de doar
nei it foarh�s, wylst Lieue troch de doar der tsjin
oer de wyk spilet.
(*)
\'t �irdyn fait.
(*) \'t Sprekt fen sels, dat Anke en Wikje \'t earyzer op
habbe. Yn 1870 droecb neibjj nin ien boeredochter yet it
los-hier.
-ocr page 53-
Tr-�dcle �tkomste.
De puskoken bij Sybren Jennema. Oan\'eriuchter-
hdn kas- en b�dsdoarren. Op \'e vftergroun in nmorre,
der \'t in kamminet tsjin oanstiet. Yn dij muorre in
doar, dij \'t nei \'t fodrh�s liet- Oan \'e lo/terkant de
skodrstienmantel. Foar op \'t toaniel inpear streeken
matten oer \'e f�er. Midden yn \'e keamer, moai fier
nei foaren, de tae/el, der \'t in bledsje mei th�yuod op
stiet. Tsjin \'t bedskut en de muorren oan, stnollen.
It is de moarns twiske th�- en koffydrinken, om in ure ef
nioggen, tsien. Lieue sit bij de taefel de Liowter-
krante to l�sen.
FOARSTE TOANIEL.
Lieue, allinnc.
Jimmor yet oer dij merke to Liowevt! It is mar
goed, dat dij oarenioarn bir�dden is , den ha \'k er nin
oaustriid ruear ten. Hwet kinsten eak len Anke en
-ocr page 54-
52
hiar, om forline wike, sa\'n pear daegen Mr \'t wij utseoeden,
\'t hiele reiske yn-ienen ut to stellen, allinne om \'ttroch
de oarloch twisken de Fransken en D�tskers in stikmen-
nich m�sikanten en toanielspilers nei hiar wenpleats
werom tein binne, en der nou sa\'n bitsje yn de merke
to dwaen hiet to w�seu. Earst bieden hja er sa\'n sin
oan, en nou skyne hja, krekt as de measte minsken
tsjinwirdich, troch dij oarlochspraetsjes eak al fen \'t stik
brocht to vv�sen. Oars koeden hja �nmu\'lik sayn-ienen
omkeard w�se
De feint ropt lit it fodrh�s wei:
Binn\' jou yn \'e puskoken, boer ?
LiEUE.
N�, Rients. Heit is \'t lan �t. Kom hjir mar. Hwet
is der oan?
OARDE �OANIEL.
Lieue. Rients.
Rients.
Ik woe efkes freegje, hwet ik nou moast Ik ha de
hokkelingen nei de efterste fjirdeheale brocht.
Lieue.
R�d de skuorre mar hwet op; dij leit er sa raer hinue.
Ik kom da\'lik bij dij, den scil \'k dij helpe.
-ocr page 55-
58
RlENTS.
(ioed. Mar earst moat ik jou yette hwet nijs forhelje,
der \'t jou frjeamd fen opheare scille.
Lieue.
En hwet is dat ?
RlENTS.
Jow Rinderts jonge mette mij krekt sa op \'e dyk,
en dij f�rtelde mij, dat Riuerde Pyter forgongeu suieun-
tojoun nei jou faem ta west hat en der fen \'e tnoarn
mei nei Liowter-merke riiden is.
Lieue, (Hij is tige oandien, mar
forhaldt him sa folie as
er kin.)
Mei Wikje fen Minne �erbens?
RlENTS.
Ja, Willem Ipkema en syn fae\'ii binne mei hiaryn \'t
selskip. Hja scoeden leau ik, oer Frjentsjer, en sa de
Bildoarpen troch riide. Fen \'e moarn om healwei achten
binne se al op reis tein. Ik ha der sa bryk (en op heard,
dat ik de jonge wol ti�jeris frege haw, eft\' er mij net
hwet koal forkeape, mar hij halde tol, dat it wieiheit
wier, eii nou ik mij bithink, komt it mij yn \'t sin, dat
ik Riuerde tilbury feu \'e moarn eak om dij skoat de
p�ndyk lans riiden sjoen haw. Ik scoe sizze, dat Wikje
hiar sinnen hird hinne en wer binne. In wike fen to
foaren, habbe jou yet bij hiar opsitten.
-ocr page 56-
:>i
LlEUE.
En do is \'t eak krekt mei tis �trekke. \'t Hie sa lang
al duorre, dat �s thochte beide, der moast nou mar e\'ris
in ein oan komme. Oars scoed it njunkelytsen al to lest
wirk wirde. Wikje mocht derom dwaen hvvet hja woe.
Rients.
Uat wol jou mij nou mar wiismeitsje, net ? Ho koe
Pyter dat den sa yn-ienen wite, dat it twiske Wikje
en jou forline wike oan \'e kant rekke wier? Kom, der
scil wol hwet oars efter stikje. Ik sjuch it wol oan jou.
Wij praete strak yet wol-d-e\'ris. (Hij giet on.)
TR�DDB TOANIEL.
Lieue, attinne. (Hij rint de keamer
op en del.)
Wikje Pyter halden, en hioed mei him �t to riiden!
Ho is \'t m�\'lik, ho is \'t m�\'lik! Scoe \'t wol wier w�se ?
N�, it kin net wier w�se. Ik kin \'t net leaue en ik
wol \'t net leaue. Sa gernien kin hja hiar net draege.
O, dat scoe to slim w�se. \'t Is krekt eft in bliksem-
striel mij troffen hat, sa slacht de holle mij. En den
mo&t min jin tsjin sa\'n teint mei syn �nforskillige
praetsjes yet eak halde, as eft me dor neat under
to dwaen hat. � Ik haw myn sinnen amper yet
bij-\'n-oar
-ocr page 57-
f>5
FJIRDE TOANIEL.
Lieue. M&ery, (dij \'t de keamer yn
ritmen komt mei in
kanne fol koffy en
fj�r der �nder.)
M&ERY.
Wier Rients krekt-sa bij dij, Lieue ?
LlEUE.
Ja, mem.
M&ERY
Hwet woe dij hjir ef hied er dij hwet to fortellen ?
Lieue.
N�, neat.
M&ERY.
Mar, hij hie dochs in boadskip, net? Oars scoed er
omraers yn \'t skoft de foarein net yn rinnen korad ha?
Lieue
In boadskip ?
M4ery.
Hear�nk, jonge, hwer biste wol mei dyn sinnen, dat-st
mij net forstietste? Tk sei, Rients hie hjir ommers (�st
it ien efte oar to freegjen ef sa ?
Lieue.
O ja, hij freege hwet er dwaen moast. Hij hie de
hok\'lingen forweide.
-ocr page 58-
56
M4ery, {Hja sjiicht him oan.)
Mar ho bist cbchs sa frjeamd, jonge? Ik bin \'toars
hiel-end-al net fen dij wend, dat-ste sa stroef en koart
tsjiu mij biste. En bwet is dyn antlit bilitsen. Skeelt
er hwet oan ?
Lieue
N�, neat, mem.
M&ERY.
Ei ja, Lieue; nou fiauste mij to foaren. Der man-
kearret al hwet oan mei dij. Bist net to goed, ef hast
er yet oanstriid feu dat-ste net mei Wikje nei Liowert
ta biste?
Lieue.
Ik bigryp net Invet mem mei mij wol. Ik bin kiekt
sa soun as oars, en Wikje kin mij neat mear skelej der
hoef ik net oer to mymerjen.
MiERY.
Dat is den eak hird foroare, scoe \'k miene. Mar der
scille wij mar oer swije, om\'t-ste mij der dochs neat fen
�tlitte wolste; dat wit ik wol. Ik wier hwet binaud, dat
dij \'t ien ef\'t oar dwers yn \'e holle siet. Douwierstsa
w�nderlik tsjin mij. As dat net sa is, siz mij den
ljeaver ef-ste eak witste hwer \'t jimme heit is. Ik ha de
kofty klear; as er th�s wier, koeden wij wol koffydrinke.
Lieue.
Ik haw heit yn in hoart net sjoen. Wol ik e\'ris nei
-ocr page 59-
57
efterh�s gean, om to sjen ef ik heit der eak fyne kin ?
(Hij yiet timpen ou.)
FYFTE TOANIEL.
MaERY, allinne.
Ik bigryp er neat fen hwet foar m�zen�sten dij jonge
wol yn \'o holle sitte meye. Al woed er it foar mij
biditsen halde, ik mirk dochs oan alles moale goed, dat
hij hjir ef der oer roun to praktisearjen. Scoe \'t wer
oer de frijerij w�se ? Ik leau, dat er der in danigen sin
oau hawn hie, om mei Wikje �t to riiden. Nou, dat
dat net trochgien is, is eak yn-ienen sa bare slim net.
Hja kinne oramers fen \'t simmer yet nei sa\'n bulte
pretsjes en setsjes ta, as hja wolle.
SEKSTE TOANIEL.
MaERY. Sybren, (Hij komt �t it Jodrh�s
wei
i syn deise klean oan,
yn \'t t�nderbaitsje.)
Ho is \'t M&ery, habbe jou de koffy klear ?
MaERY.
Ja, al oer in toarntsje. Mar is Lieue jou eak tsjin
komd? Hij wier hjir niis yn \'e keamer, en scoe nei
efteren ta om jou to siikjen.
-ocr page 60-
58
Sybren.
N�, mar ik ha eak net efterh�s west. Ik bin oer \'e
tr�ddeheale hinne troch it hoaf werom gien, en sa de
foardoar ynkomd. As er mij net fynt efterh�s, scil er
eak wol ringen wer foare komme, thins ik. Ik scoe
�s mar e\'ris iu pantsjefol koffy ynskinke, net ? Fen al
dat hokseljen troch it Ian ha \'k al toarst krige.
Muery, (wylst hja ynjiet.)
Ja, dat \'s goed Oars kin de faem Lieue eak wol
efkes warskowe. Mar, fortel mij e\'ris, ha jou fen \'e
moarn eak hwet oan Lieue mirken ?
Sybren.
N�, ho dat sa?
MaERY.
Och, hij wier mis, do \'t ik de keamer ynkaem mei
de koffy, sa ouw�sich. en sloech hiel-end-al gjin acht op
hwet ik him frege.
Sybren.
Kom, kom, dat scil wol neat to bitsjutten hawwe.
Fen \'e moarn �nder \'t th�drinken wier er to minsten
yet sa opger�md as altiid.
MaERY.
Dat is sa, en derom koe \'k it mij eak net bigrype.
Ik frege him al-e-\'ris, eft er it ien ef \'t oar oan man-
kearre, mar hij andere oars net as: �neat, mem." Dat
wier lvkwol koalforkeaperij, koe \'k wol sjen. Ik haw
-ocr page 61-
�il
al thocht.....(Klaes Waltinga komt de kcatner
ymtappen.)
SAUNDE TOANIEL.
De toarigen. Klaes.
SYBREN en M;iery, (tagehjk.)
Hea Klaes, jou hjir ?
Klaes.
Ja, myn paed roun hioed hjir lans, en om \'t ik bij
de doar niramen seach, bin \'k mar yn \'t foarhns op gien
Goe\'n dei, Jennema, frou Jennema Ho giet it yette ?
(Hij f�sket mei Mar.)
Sybren en M&ery.
\'n Dei Klaes! Fiks, bo is \'t mei jou?
Klaes.
Tige best. Ik moast ten \'e foarmiddei foar heit in
rintsje nei �s Omke Marten ta, en nou bin ik hjir lans
gien om mei-iens to sjen ho \'t yet mei Lieue giet. Ik
haw him sount forlfne snein-to-joun net spritsen.
Sybren, (Hij set in stoel bijdetaefel.)
Kom, der doch je fiks oan. Fal hjir hwet nest mij
del. Der stiet in stoel. Dat \'s nou \'ris hiel �nfor-
wachte, scoe \'k sizze. De measte tiiden dat jou oars hjir
komme, wite wij er or\'naris foar�f wol sa\'n bitsje fen.
-ocr page 62-
60
M&ERY.
Ja, jou komme �s diz\' kear hiel-end-al oer \'t raat.
Wij scoene krekt koffydriuke. Jou scille f�st eak wol
sin oan in pantsjefol ha\', oars ?
Klaes.
As-\'t-jou bilieaft, hou. {Hja jiet him yn.)
Sybren.
En wolle jou eak net e\'ris oanstekke? In piip ef in
sigaer? Jou lange piip is yet biwarre.
Klaes.
Ik scil de koarte piip raar efkes stopje. Hwent ik kin
net lang sitten bliue. (Hij krijt syn piip tit \'e b�se.
Sybren rikt kim it tabaks/etsje, de quispeldoar en
in litphiser ta.)
Mar, wer is Lieue ? Net th�s ?
Sybren.
Hea ja, ha je him net op it hiem sjoen ? Hij moat
efterh�s w�se.
Klaes.
N�, op it hiem wier nimmeu.
MaER�.
Ik scil de faem efkes nei elteren stjftre om him hjir
to heljen. It binijt mij, dat er yet net wer yn \'e hus
korad is. {Hja rint nei de doar en ropt:) Hiltsje, rin
et\'kes nei efterh�s; sjen dat-ste Lieue der fynste, en siz
den tsjin him dat er hjii komt, om \'t er immen op him
sit to wachtsjen. [Min heart roppen -.) Kom, frou!
-ocr page 63-
61
Klaes.
Hat it Lieue eak spiten, dat wij net nei Liowert ta
binne ?
Sybuen.
Nou, al hwet, leau ik. Mar hij lit him trochstrings
oer sok soart fen dingen in bitsje �t
M&ERY.
Ik hab er oars eak net sa folie fen mirken, mar oei in
hoartsje wier er hjir allinne bij mij yn de keamer, en
do wier-d-er sa n�werich, thocht mij. It wier krekt eft
er it ien el oar bard wier, der er oer mymere. Mar
dat koe ommers net fen dij mistrybele Liowter-reis
komme.
Klaes.
O, den bigryp ik it wol. Hij skynt it dos eak al fen
de ieue ef oare heard to habben.
Sybren.
Hwette, Klaes?
Klaes.
Jimme wite it yet net, merk ik. Den wol ik it jimme
earst mar fortelle, foar \'t Lieue de keamer ynkomt. It
wier in oanlieding mei, hwerom ik Cmderweis e\'ris bij
Lieue oansjen woe. � Riuerde Pyter hat earjister-joun
by Lieue syn faem, Wikje, west.
MaERY, (rimpen.)
O fij!.....En ho fierder ?
-ocr page 64-
62
Klaes.
It lyket tige frjeamd, mar Wikje hat him halden, eu
hwet mear is, hja is feu \'e moarn mei him �t to
riiden gien
M&EKY.
Nei LiowertV
Klaes.
Dat sprekt, ja.
MdERY.
Dat gemiene frouminsk ! Hwet in skand\'lik dwaen.
Ho doar hja it to bistean, scoe min sizze. Sa lang hat
hja nou al mei Lieue oanhalden, en forline snein-to-joun
hat Lieue yet bij hiar west. En den scoene jimme yet
eak wol mei-n-oar �t!.....Nou fetsje ik yn-ienen
hwet er fen \'e moarn mei Lieue oan wier. De ien ef
de oare hat him dat nijs f�st forthi�ske, en hij hat er
neat fen �tlitte wollen.
Sybren.
Krekt sa\'n gemiene streek fen sa\'n falske l�bes as
Pyter, om Lieue fen syn faem ou to wrotten. Sa\'n Judas !
As je mei him praete, is er jimmer lyke lieaf en frieunlik,
mar efternei.....? Hwa \'t-er egentlik is, blykt
nou sa klear as de dei. Dij \'t sa\'n min fyt �tfiert, lit
him yn-ieneu kinne. Yn pleats Ien nei in faem to gean,
dij \'t frij is, hat er wer krekt sa lang omstr�nd, dat
er it spiltsje foar-en-oar hie om ien fen syn kanieraeten
-ocr page 65-
G3
it soaltsje to lichten. As er der nou neat fen wften hie,
mar it hat him dealse skoan bikind west, dat Lieue
forline wike vet by Wikje west hie.
MaERY.
It is knap dwaen, scoe ik sizze, en dat yet wol Mr
in feint �t it selde gea, dij \'t oars mei Lieue soms op-
en-ut giet. Soks hie \'k dochs nea net fen him forwachte.
It is troch en troch gemien. Mar ik kin mij eak net
bigrype, ho \'t Wikje sa sliucht w�se koe om him to hal-
den en yn-ienen mei him �t to riiden gean. As hja Pyter
lieaver hie as Lieue, ef thochte dat dat in fornaemer feint
wier, moast hja it den earst net op in ordintlike wiize
mei Lieue utmakke ha?
Sybren.
Sa binne de Irouliu. Me kin der nea op oan. Disse
selde laem, Wikje, der \'t yet wol sa heech fen opjown
wirt, dij \'t in wike fen to foaren yet mei in feint, dij
\'t amper trije fearnsjier bij hiar roun hat, opstelt om
mei-n-oar �t to riiden, kr�pt de folgjende snieuns al in
oar op syde. Hja scil er foar�f eak wol fen witen ha
hwet Pyter fen sins wier. Lichtwol, dat dat egentlik
de reden wier, hwerom \'t hja it pleisierreiske mei Lieue
hwet �tstelle woe.
Klaes.
N�, dat scil\' jou wol mis hawwe. Hwent it �tstel is
meast fen Anke �tgien. Wikje wier der oars hird
-ocr page 66-
61
tsjin, skrieu Anke mij. � Mar it bigreatet mij om Lieue.
Al wier \'t mei Wikje en him yet sa\'n losse frijerij, hij
scil er dochs tige mei to dwaen habbe, dat Pyter him
dit oandien en Wikje sa hannele hat. Mij thinkt, wij
moatte er strak mar net oer bigjinne, as er de keamer
ynkomt. As wij mei �s beiden binne, kinne wij er
better oer praete.
Svbrkn.
Dat leau ik eak. Hwent hij wit nou yet eak net,
dat jou bikind binne mei it jinge er bard is.
Klaes.
Derom. (Lieue komt troch de doar. Hij sjitcht
hwet /orb�kke.)
ACHTSTE TOAN1EL.
De foarigen. Lieue.
Lieue, (Hij rint op Klaes ta,
dij \'t opstean giet.)
Wol Klaes, dat hie \'k hiel net forwachte dy hjir lyne
to scillen. Dat treft moai. Goe\'n dei, Meun, yet soun?
Klaes, {hja f�skje.)
Flink hear, en ho is t mei dij ?
Lieuk.
Goed. Mar ho komst-dou hjir fen \'e moarn sa aerdicb ?
-ocr page 67-
H�
Klaes.
]fc moaye waer lokke mij ut, om dij e\'ris efkes op to
siikjen, moaste rekkenje.
M&ERY. .
Ho bist sa lang weiblieun. jonge ? Jimme heit hat al
in hiel skoft th�s west. Wij thochten hieltiid dat-ste hjir
wol wer komme scoeste, om mei tis to koffydrinken.
(Hja skout him in pdntsje fol koffy ta.) To, drink
mar ringen e\'s op. \'t Is al bikuolle fen \'t lange steau.
Lieue.
Kom, mem (Tsjin Klaes.) Der scil test eak wol
hwet oars oan \'t hantsje w�se.
Klaes.
Ja, ik moat yet efkes nei �s omke Marton ta (Hij
sjucht op syn horloasje)
Ik hab yet in �rke tiid om
hjir to plasterjen. Den moat ik eak nedich foart.
Sybre\'n.
Kom frou, wolle wij de leinten den fjirder mar net
togearre litte ? Hja hawwe mei hiar beiden test yet wol
it ien ef oar to forhakst�kjen.
Maeuy.
Om mij wol, it wirdt eak hege tiid dat ik nei it fj�r
sjuch; Lieue kin jimme yet wol-d-e\'risynjiette, as jimme
mear kofiy hawwe wolle. (Hja giet om.)
Sybren, (tsjin Klaes.)
Nou, foar \'t jou foart geane, sjuch ik jou efterhus
yet wol, n\'t wier?
                                                  5
-ocr page 68-
�(>
Klaes.
Wol siker, ik scil altiid efkes �fskie nimme. (Sybren
cak ou.)
NIOGGENDE TOANIEL.
Klaes. Lieue.
Klaes.
Der wier \'t my krekt om to dwaen. Ik woegraech e\'ris
�nder fiower eageu mei dij prate. Ho bist er ander, Lieue ?
Lieue.
Hast clou it den eak al heard, fen Wikje, Klaes ?
Klaes.
Ja, �nderweis yn \'e herberge bij Kryn Ales, der \'t ik
de piip effen oanstiek. De kastelein wist mij alles mei
kleuren en geuren to forheljeu. Hwa hat it dij oan-
brocht, Lieue?
Lieue.
Us feint, dij \'t fornomd hie fen Jow Rinderts jonge,
kaem hjir om mij gau it greate nijs oer to bringen. --
Scoe \'t siker sa w�se, Klaes?
Klaes.
Ik woe wol jonge, dat ik sizze koe fen n�, mar nei
al \'t jinge ik er nou fen heard ha, kin er gjin twiivel
mear oer bistean.
-ocr page 69-
(57
Lieue, (Hij is �nderwyles opstean
gien en rint de keamer op
en del.)
Ik modt it don oannimme, en dochs kin \'k it hast net
dwaen. Ik kin it thinsbield net foar-in-oar krije, dat
Wikje eat yn steat w�se scoe kinne om mij sa freaslik
to bidraegen. Klaes, Klaes, och hwet spyt it mij!
Klaes.
Dat kin \'k mij bigrype, jonge.
Lieue.
O, ik kin uin wirden fyne om dij to sizzen, ho \'n
forthriet as dizze set mij oandocht. As ik ea op ien
fortroud haw, den wier \'t op Wikje. Ik skatte Mar sa
heech. Hja wier jimmer sa blier en gol, sa iepen en
roun. Hwet ha \'k mij jamk lyts field tsjin oer hiar.
om \'t hja sa\'n from en eabel herte hie. En dat dat-
selde famke nou sa sliucht wirde koe.
Klaes.
It is hird Mr dij, �ntsettende hird eak, dat \'s wier.
Ik haw er eak hast lyke folie mei to dwaen as dou.
Lieue.
Dat is foar mij it swierste to dragen, Klaes, dat Wikje
ta soks oergean koe Sjuch, as Pyter hiar better teint
talike as mij; dat moast hja sels bioardielje, mar al wier
dat sa, (ik leau yet net dat dit it west hat werom hja
him halden hat), den mo�st hja him snieuntojoun dochs
-ocr page 70-
68
niu tawird jown en yet folie minder hioed al mei hira
�t to riiden gien ha.
Klaes.
N�, as hja hiar knap halden hie, hie hja him oust�-
gere sa lang as hja de f\'rijerij mei dij net oan \'e kant
makke hie.
LlEUE.
En al ha k it yet nea net tsjin hiar �tere, ik halde sa\'n
bulte fen hiar. Ik wist sels net ho folie, mar nou, nou
\'t hja mij �ntnomd is, is \'t krekt ef alles om mij hinne
yn-ienen nea re nacht wirden is. Hvva hie dat ea thinse
kind ? Sa\'n set komt to hird oan. It is krekt ef t
myn herte boarste scil.
Klaes.
Dou moast er dij kreltich onder halde, Lieue, sa folie
as-te kinste Lit de moed yii-ienen net hiel-end-al sakje.
Lieue.
Och Klaes, hwet praetste? Hwet wille haw ik yet,
nou \'t ik eltse amerij mei myn gedachten wei\' op dat-
selde st� weromkom: �Wikje mij �ntkaept troch Pyter,
foar jimmer �ntnomd!"
Klaes.
Hou, hou, nou fiert dyn smerte dij da\'lik sa fier, frieun.
Hwa wit ho koart it mei Pyter bij Wikje duorret.
Lieue.
Sa\'n skarli\'in, net! It is den wol �tkomd sa-t-ik
-ocr page 71-
�!)
l�sten to Bolswert tsjin dij sei, dat er net to fortrowen is.
En dat ik dat sels sa koart dernei op sa\'n hirde wiize
�nderfyne moat. Der hie \'k do wol it alderminste
thinken om..... Hij moat mije\'ris wer mei syn
falske troauje en flieunske tonge �nder \'e eageu komme.
Hwet scil ik him den de wierheit sizze. Ik kin mij net
goed halde as ik him wer met Ik scil him syn gemiene
dwaen om \'e noas wriue, en net op in sefte manier,
dat wik ik him. Ho mear asder bij binne, ho ljeaver
as ik it haw, sa\'n stjoukert! Hij scil it fiele. op alderlei
wiizen, dat er sa\'n falske streek tsjin mij �tfierd hat.
Ungelokkich as ik er him \'ris wer foar krije ken!
Den scil ik him net sparje. It is mar goed, dat er op
dit stuit net tour mij stiet, hwent den scoe \'k mij sels
gjin master bliue kinne.
Klaes.
Dou scilste, hoapje ik, wiizer w�se. As-te allegearre
�tfierste hwet-ste nou op it earste amerij tsjin Pyter yn
\'t sin haste, scoest blyk jaen, datste net folie heecher
stietste as hij Mei ik dij in goe rie jaen, den scoe \'k
in dyn plak tsjinoer de minsken, en yn de earste pleats
tsjinoer Pyter, neat fen dyn leed skyne litte. Hald de
holle der foar, as-te bij in oar biste, foaral �nder tis
kameraeten en bilieaven as Pyter der bij sit. Den toauste
in kearel �t to meitsjen, dij \'t syn smerte wit to for-
kropjen, en foar \'e minsken neat merke lit ho \'t syn
-ocr page 72-
70
herte fen binnen bliet. En Pyter scil der sa folie to
minder eare fen liawwe dat er dij sa\'n loech �fsjoen bat.
As-te tsjin him opspinste, hat er der just d�beld wille
fen. N�, rin him stil foarbij, hald dij great foar him en
bear as ef it dij �nforskillich is. Den haldst dij it ealste,
en krijt Pyter krekt de straffe, dij \'t er fortsjinnet.
LlEUE.
Dat is allegeare moai en goed, mar huw dij selsbi-
hearsking e\'s, as-te sa\'n trieu krige baste.
Klaes.
Dij moaste sjen to krijen, sa ringen as-te kinste. Hioed
en moarn scil \'t licht yet spanne. Mar pr�bjearje it den
oaremoarn e\'s. Siker Lieue, dou kinst net better dwaen.
Oan hwet er bard is, is op dit amerij dochs neat to for-
oarjen. Mar fortel mij e\'ris, hast er foarhinne eat hwet fen
mirken, dat Pyter mei Wikje ef Wikje mei Pyter op hie?
Lieue.
N�, neat. Pyter hat tsjin mij omtrint nea in wird
oer Wikje �tlitten, sa slim wier-d-er wol, en hwet Wikje
en mij oangiet, wij hawwe \'t nimmer oer Pyter hawn,
et it mo&st talallich sa yn \'t pitear topas komme, en
den ha \'k hiel-end-al net bispeure kinnen, dat hja eak
mar yn \'e fjirte oer Pyter thochte.
Klaes.
En werom scoe hja him den sa yn-ienen oanhalden
ha, scoest thinke?
-ocr page 73-
7L
LlEUE.
Och, ik kin \'t mij oars net bigrype ef hja moat in
ameiij torblyne west hawwe om \'t Pyter fen oansjenliker
kom-6f is, mear jild hat en him greatskeepsker wit foar
to dwaen, as ik. En hja woe ik jern nei Liowert ta,
dat, hwet �s oangyng, forline wike troch Anke driuen
tsjin hiar sin om \'e oarloch �tsteld is, lyk aste witste.
Mar ik siz dij foar f�st, dat hja er letter birou fen
hawwe scil. Pyter hat hiar Mr in setsje mei syn
moaye praetsjes san yn \'e eagen struid. Derom haldt
hja lykwol yet net mear fen him as fen mij. Dat kin
sa net w�se. Derta haw ik to lang mei hiar omgien,
om dat net better to witen.
Klaes.
As ik dij wier gyng ik er takomme snjeun- ef snein-
tojoun wer hinne. Ik woe wite ho \'t de foarke yn \'e
stalle sit, en Wikje moat it dij �tlizze. Dij werom-
stjure sander in wird to sizzen, scil hja dochs net bi-
stean doare.
Lieue.
N�, dat scoe hja eak net dwaen. Mar mienste, dat
ik nou yet ris nei hiar tariide scil foar boantsje-lap,
allimie om to fornimmen werom eft ik sa goed net bin
as Pyter? It lyket er mij neat nei. Den scoe Pyter
mij to minsten letter �tlaitsje en hwet scoe \'t jaen ?
Hirde wirden scoeden er lichtwol falie, en al hat Wikje
-ocr page 74-
72
mij yet sa min bihannele, der scoe \'k, wit \'k siker,
letter birou feu ha, as ik hiar in lilk wird sein hie.
Klaes.
Ik leau eak dat-st\' gelyk haste It is mar better,
dat-ste hiar stil hiar gong gean litste. Wikje hiar kar
skynt, sa \'t op dit stuit lyket, op Pyter to tallen. Lit
hiar mei him hinne reisgje .... Mar, ik raoat nedich
opstappe, bringst mij in eintsje it paed �t ?
LlEUK.
Ja, den scil \'k it efkes tsjin heit sizze. (Hja geane
de keanier iit
)
\'t Girdvn fait.
-ocr page 75-
Fjircle iitkomste.
It binh�ts /\'en Minne Gerbens. Oan \'e riuchterhdn
in mourre, hiveryn in pear finsters binne. Efter yn
7 fortrek in bedst� ef ledikant. Oan \'e lofterkant
de skodrstienmantel, en de doar nei de binh�sgong.
De hielc keamer is mei matten bilein, hweroer sahivet
yn
7 midden in tapyt, der \'t de taefel op stiet. Fjir-
der hjir en der stuollen. Op de taefel steane kopkes
en pdntsjes en in pear drankfleskes.
(Yn disse �tkomste moat bieltiid s�nich praeten wirde,
sa dat de sieke, djj-t-op b�d leit, achte wirde kin
it net to forstean.)
FOARSTE TOANIEL.
Boer Minne. Anke, (Hja steane bij de taefel,
elk op in hoeke.)
As de feint nou mar hird oanriidt! De Keade Leane
snijt in hiel ein ou, en is tsjinwirdich eak net sa min
om er mei in los hynser lans to kommen. Hij kin hast
bij Sybrens w�se.
-ocr page 76-
74
Anke.
It is net to hoapjen dat Lieue fen h�s is. Den scoe
\'t yet bislaen kinne, dat ev dochs noch to let kaem.
Minne.
Wij wolle d�r it beste mar fen hoapje. Sa folie daegen
hat dat lieave bern er oer lein to mymerjen ef se hiar
bijearte wol �terje scoe, en nou \'t einling oer hiar lippen
komd is. hwet hiar sa lang swier op \'t herte lein hat,
scoe \'t mij tige oandwaen as Lieue hjir yet net ienris
w�sen en hiar spritsen hie.
Anke.
Ja, dat scoe mij eak freaslik oangriize. En hja het
sa\'n forlangst om Lieue yet ienkear foar hiar dea to sjen.
Och, hja wol sa jern mei him formoedsoene, foar \'t hja
hjir wei moat It earme sloaf! (Hja bigjint to snik-
lcerjen en trieut de b�sdoeh foar de eagen)
Hwet
bigreatet it mij om hiar. Hja hat jimmer sa\'n goede
sister foar mij west. Altiid lyke yverich en blierhertich.
Nea nin krimmenearjen oer dit ef dat. Sjongende en laits-
jende, as hja mar soun wier, die se it wirk en roun
se it h�s troch. Och, och, dat ik hiar nou al misse
moat. Ik kin \'t mij net bigrype!
Minne.
Bidarje dij, Anke; dou hast dij al disse dagen kreftich
bitoand, doch dyn best om dat oan \'t ein ta fol to hal-
den As wij Wikje, myn lieaf bost bern, misse moatte,
-ocr page 77-
75
hwet bleut �s den oars oer as deryn to bir�sten ? It
scoe mij, en �s allegearre, as in flym troch \'t herte snije,
as wij hiar it h�s �tdraegen sjen moasten, mar wij hawwe
de oertsi�ching, dat wij neat hwet wij birikke koene
�ntsjoen hawwe om hiar yn \'t libben to bihalden Mear
kinne wij net dwaen. It oare moatte wij dildich �f-
wachtsje en draege, al is it pak feu smerte bijwylen eak
hast to swier, om dat leste to kinnen. It is yet sa
koarte jierren lyn, dat wij jimm\' mem nei \'t tsjerkhoaf
bringe modsten!
Anke.
It is krekt ef it leed �s eak jimmer efterlolget. Fodr
in jier ef fiif �s goede mem ; do is �s lyts broerke sa
hastich stoarn, en nou scoene wij mei koa>ten miskien
Wikje, de fleur yn h�s foar �s allegearre, eak wer for-
liese moatte? It is net om oer to kommen. Och heit,
hwet scoe \'t (oa> jou eak in hirde slach w�se.
Minne.
Dat scoe \'t myn bern, Mr mij yn de earste pleats.
Ik kin \'t faeken mar amper leaue, dat it sa komme
kin, mar de �nderfyning yn myn libben en de �tspraek
fen de dokter twinge mij om mij oan it thinsbield to
wennen, dat de dagen, lichtwol de uren, mei hjar teld
binne. Forline» simmer hie \'k yet moed; bja is sa jong,
thocht ik do, en yet net alhiel �tgroeid, hwa wit ho
ringen der in gunstige kear komt. En de winters derop
-ocr page 78-
76
en fen \'t simmer eak yette. lyke hja ommers eak wei-
sa fiks. Mar do \'t yn \'e neisimmer de alde kwael wei-
sa hivd oantaeste, bigoun ik da\'lik al binaud to wirden,
al hie \'k yet net forwachte, dat it sa hird gean
scoa..... As Lieue nou net e\'ris mei komme wol;
hwet er fen dit hus underloun hat, jowt him der wol
riucht ta.
Anke.
N�, dat hoef jou net to forwachtsjen. As ik Lieue
goed kin, den scil hij net weibliue, mar yn ienen bi-
ret w�se om mei to gean. Hij hat in fiers-to-nommel
herte, en haldt yet to folie fen Wikje, eak nei it jinge
er bard is, om hiar dit forsiek to wegerjen. (Me heart
fen \'t bed on s�nich roppen:
Anke!} O, der ropt hja
al wer oan mij! (Hja rint hird nei it bed ta.) Hwet
is der oan, Wikje?
OARDE TOANIEL.
De foarigen. Wikje.
Wikje, (dij it girdyn in bitsje
mei de hun oan
\'e kant
stryket, sa dat min hiar
antlit sjucht.)
Is de feint yet net werom, Anke?
-ocr page 79-
77
Anke
N�, lieave, raar hij kin er eltse amerij wer w�se.
Wikje.
Scoe .... Lieue mei komme ?
Anke.
O, grif; twiivelje der mar net oau.
Wikje.
Ho let is \'t?
Anke.
In bitsje oer fioweren, wij hawwe de lampe al opstit-
sen. Mei in heal�re scil Lieue hjir wol w�se. Gean
sa lang yet hwet r�stich lizzen, lieave. Wol ik dyn
k�ssens hwet opskodsje ? (Hja docht dat.)
Wikje, (op in toan /en smerte.)
Ho lang scoe \'t yette duorje scille?
Anke, (Hja forbrekt hiar triennen.
It girdijn wer hwet oanstry-
kende, rint hja wer nei de
taefel nei hiar heit ta, dij
\'t �ndertwiske s�nder op-
halden de eagen nei it bed
slein hat.)
Minne.
Wirt se al mismoedig? Hwa scoe der eak niget
oan hawwe? It is w�nder, dat hja hiar, �nder al
hiar lijen yet sa lang dildich halden hat.
-ocr page 80-
78
TR�DDE TOANIEL.
De foarigen. Oeds, {komt si\'michkes de doar
yn en wol nei it b�d
ta gean
, mar Anke
bitsjut him mei de han,
dat er dat net dwaen
modt)
Minne, (rimpen, net to l�d.)
Is de teint der al wer ?
Okds.
Ja, hij is krekt sa wer th�skomd.
Minne.
En.....?
Oeds.
Lieue scoe him foart yn-ienen efternei riide.
Minne eu Anke, (tagelyk.)
God-thank!
Anke, (giet nei it b�d ta en tilt it
girdyn hwet f en si/den, Oeds
rint hiar efternei.)
Wikje, lieave, Oeds is de keamer ynkomd en fortelt
�s dat Lieue oanst�ns to forwachtsjen is.
Wikje.
Is \'t wier? Och, Anke hwet bin ik der bliid om.
-ocr page 81-
79
Anke.
Jow dij nou foaral yet efkes del, beste Wik, den
biste strak sterker, as Lieue hjir is. Hast eak yet in
bulte pyne ? Wolst\' eak hwet drinken ha ? {Hja helpt
Mar toriuchte liezen.)
WlKJE.
N�, thankje Anke. Sa is \'t goed. Lit mij nou raar
sa lang stil lizze. (Anke docht it girdyn wer oan.)
Anke, (nei de taefel geande)
Wolle wij nou net efien sitten gean ? Ik bin sa wirch,
dat ik myn fuotten amper mear fiel.
Oeds, (Hij set in stoel fodr Mar
del en giet sels eak sitten.
Minne docht allijk.)
Och, och, hwet wier ik er mei yn oarder do \'t Japik
mij sei dat Lieue komme scoe. Hwet scil dat in for-
lichting foar Wikje w�se, roap ik da\'lik fit
Dij stakkert, dat hja sa lije moat! Ik wit net hwet
ik wol jaen woe, as hja wer better wier. Alle wille is
mij yn de l�ste daegen �ntflein.
Minne.
En Anke en mij net minder, jonge. Sjuchste net
ho \'t Anke er finder lijt en ho \'t hja in de l�ste wiken
forquint ? Hwa scoe eak yet libbenswille ha, as it leed
jimmer op \'e nij mei syn pleagen it earme minske-herte
b�ket ? De wille giet yn sokke tiiden hinne, en wij
-ocr page 82-
80
meye wol soargje, dat de stille bir�sting yn it �nbi-
gryplik minskelot net mei hiar foartfliucht, foaral net,
as wij de skeale, mei it swart forthriet deryn, ski�n �t-
drinke mo&tte. Hwent den scoe \'t yn dat druowige
amerij sa akelich thiuster en forlitten binnen yn us w�se,
dat de kreft om stean to bliuen yn dit riedseleltiche
libben �s neibij �ntsinke scoe.
......Hwet wier Japik wearfean bij Sybren en
hiarre, Oeds?
Oeds.
Hij sei: Lieue syn alden bieden fen sels tige frjeamd
bij syn boadskip opharke, en earst yet al hwet tsjin-
keard, mar Lieue hie nearne oer praeten en op-slach for-
klearre, dat er f�st bisl�ten wier om oan Wikje hjar
forsiek to foldwaen.
Anke.
Ik wist wol, dat Lieue net oars bannelje scoe. Hij
koe Wikje soks nea w�gerje Hwet scil-d-er it eak mei
hiar sukkeljen to dwaen hawwe ! Hwa hie dat ea thinse
kind, dat er nei dij lokkiche sneintojoun yn \'e simmer
net ierder as nou, en dat yet troch sa\'n smertfolle oan-
lieding, wer komme scoe. Hwet is der yn dij twisketiid
net bard! Sa kin alles yn koarten foroarje.
Minne.
N�, hwa hie dat dochs thinke kind; � mar it giet al
w�nderlik yn us libben. En ho \'n bitsje binne wij er
-ocr page 83-
81
jamk sels master fen! Wij rinne. wrotte en skreppe,
en wirde �ndertwiske troch aldeiiei omstannicheden
hinne en wer slingere, om yn \'t einsl�ten meastal op
in hiel oar pont tolanne to kommen, as wij bij \'t bigjin
�s foarstelden.
Oeds.
Scoe dokter hioed yet eak e\'ris oansjen scille?
Anke.
Nei \'t er earjester sei, ja. Hij koe lykwol net ier
komme, om \'t er it oars tsjinwirdich eak drok hat.
Minne.
Hij komt grif yet, hwent hij is jimmer in man fen
syn wird .... Hear ik der de foardoar net gean? To
Oeds, rin der ris hinne, om to sjeu hwa \'t der is.
Oeds.
Kom, heit (Hij giet.)
FJIRDE TOAN1EL.
De foarigeu, s�nder Oeds.
Anke.
Ik hoapje mar, dat it dokter is. Jern scoe ik fen him
heare, ho \'t hij hioed oer Wikje hiar tastan thinkt.
Minne
Ik eak, al scil-d-er �s den eak uin hoap op betterskip
mear jaen kinne.
6
-ocr page 84-
B-!
FYFTE TOANIEL
De foarigen. Oeds. Dokter.
Oeds
Dokter kaem mij al yn \'t milh�s tomjitte.
Dokter
N\'aveud mei\'noar. Ho is \'t hjir yette\'r\'
Minne.
Sahwet bij \'t alde, dokter. Wikje hat hioed yet al
r�stich west, en de pyne wier eak uet minder.
Anke.
Wol je \'ris bij hiar sjen, dokter ? (Hja giet mei dok-
ter nei it bed.)
Oeds, (tsjin Minne.)
Scil heit er dokter net nei freegje, et\' it eak kwea
foar hiar mei, dat hja Lieue wer sjucht?
Minne.
Ja, ik scil der mei dokter oer praete, jonge. (Tsjin
dokter, dij mei Anke bij \'t b�d wei komt.)
Ho lyket
it jou ta, dokter ?
Dokter, (stinich, ivylst alle trije him
forlanyjend oansjugge.)
Me kin der net folie fen sizze. Dit mien ik lykwol
net lorswije te meyen, dat it, nei myn ynsjen, nea lang
mear duorje kin. Lichtwol dat it ein yet �uforwachte
-ocr page 85-
sa
komt. Hoap op betterskip binue wilden, dij-t-ik hjir
net mear �tsprekke doar, al scoe \'k it eak tige jern
dwaen wolle. Dat liaw ik oer in wike ef twa al sein.
Minne.
Soe \'t hiar neidiel dwaen kinne, as hja yet \'ris in
wirtsje-mennich praette mei immen der \'t se in bulte
fen haldt? Lyk as jou wite scille, hat de soan fen
Sybren Jeunema, Lieue, foarhinne gans in skoftke bij
hiar roun. Dij frijerij is fen \'t simmer hwet hommels
oan \'e kant rekke. Der hat hja yn \'e l�ste wiken f rij
hwet mei to dwaen hawn, sa \'t hja hioed tsjin �s sei,
en derom woe hja Lieue graech yet \'ris sprekke. Ik
haw derop de feint foartstj�rd en dij hat itbo&dskip mei
werom biocht, dat Lieue da\'lik hjir hinne riide scoe.
D�ktkr.
Ik sjuch der gjin biswier yn, as hja hiar mar net
tofolle oerstj�r makket hwent den scoe sa\'n wersjen
wol-d-ris to hird foar hiar oankomme kinne. Oan \'e
oare syde is \'t better dat hja yet e\'ris mei dij jongfeint
praet, as dat hja eltse amerij oer sa\'n saek leit to my-
merjen. Wier dat sok great wirk mei Lieue en hiar?
Minne.
Och dat wit ik just net. Hja hat �s dat foartiid nea
skyne litten.
Oeds.
Wol ik es efterh�s sjen, heit, et\' \'t er yet nimmen is ?
-ocr page 86-
84
Minne.
Ja, doch dat jonge.
SEKSTE TOANIEL
De foarigen, s�nder Oeds.
Dokter, (Hij sjucht nei de fleskes
op de tae/el.
Is it drankje sa-nei leeeh P Den scil ik de jonge
moarn-ier mei in nijen-ien hjirhinne stj�re.
Anke.
Wij hawwe hiar eltse kear op tiid ynjown. {Lieue\'
en Oeds konime togearre it fortrek yn.)
SA�NDE TOANIEL.
De foarigen. Lieue. Oeds
Lieue, (tige fen \'e wiise, rint yn
tenen op it b�d ta, mar
dokter /ettet him bij de
earm en lukt him op in
se/te manear tobek.)
Ho is t mei Wikje ? Libbet bja yet ? LH mij gau
bij hiar sjen !
-ocr page 87-
S5
Dokter.
Foart yn ieneu kinn\' jou nei hiar ta gean, mar eavst
moat Anke it tsjin hiar sizze, dat jou hjir binne. Bi-
darje jou �ndertwisken efkes, jongfeint, jou binne alhiel
�ntdien.
Minne. Anke
\'n Joun, Lieue. Ho giet it jou yet?
Lieue, {stekt hiar de han ta)
Sunt ik sa �nforwacht it bo&dskip krige om lijir to
kommen, is \'t krekt ef ik mij sels net mear bin.
Minne.
Dat is to bigrypen, Lieue. It moast dij eak wol tige
to herte gean.
Lieue.
En hja woe dos jern yet \'ris mei mij praete ?
Minne.
Ja, hja hat der al forskaete daegen oer lein to prak-
tisearjen, dat se dij, foar hiar �fskie fen de wrald, yet
ienkear sprekke moast. Net ierder as hioed hat hja dat
lykwol �tere, en do ha wij dij yn-ienen boadskippe.
[Tsjin Anke.) Gean nou effen nei Wikje ta, liea, en
freegje hiar ef Lieue da\'lik mar bij hiar komme scil.
Lieue, (dij \'t syn antlit s�nder
ophalden nei it b�d ta keard
haldt
)
Ja. ik kin net langer wachtsje; ik mo�t bij hiar sjen.
-ocr page 88-
86
Dat sloaf! Hwerom mat hja nou sa forquine? (Anke
bitsjut hint, dat hij komme kin. Hij giet nei Wikje
ta, b�cht hint hwet fodroer, grypt Mar bij de hun, en
seit op in toan /en smerte:)
Wikje, lieave, der bin
ik al. Ho is \'t nou mei dij ?
Wikje.
Net best Lieue. Ikscil wol net lang mear to libjen hawwe.
LlKUE.
Och, Wikje, hwet wier ik bliid mei it boadskip feu
dij ef ik hjir komme woe. mar hwet sodrge ik er ta-
gelyk eak tsjin oan, om dij sa wer to sjen.
Wikje.
Der is in bult foroare s�nt as-t-dou lorgongen sim-
mer foar t l�st hjir west haste, Lieue, foaral mei mij.
Lieue.
Hwa hie do thocht, dat-ste hjir nou siek op b�d lizze
scoeste ?
Wikje, (langsum.)
En hwa hie do eak thocht ?.....Lieue, wij moatte
yet in pear wirden mei\'noar praete, Mr \'t to let is.
Freegje heit en hiar ef hja �s net in amerij togearre
litte wolle. Hwet ik dij to sizzen haw, is hiel-end-al
eat twisken �s beiden; der moat nimmen oars bij w�se,
sels myn neiste miigen net.
Lieue.
A
Kom, Wikje! (Hij giet f en \'t b�d on. Undertwiske
-ocr page 89-
87
hawwe Minne, Anke en dokter mei elkoar m�skoppe.
De earste seit tsjin Lieue
:) Wij hawwe it al heard,
Lieue. (Net it b�d geande.) Wij scille mei tis trijen
sa lang nei \'t milh�s gean, myn bern.
Dokter.
Meitsje jou bilieaven net oerstj�r, Wikje. Blieu sa-
folle as jou kinne bidaerd, en praet eak net tofolle mei
jimme beiden. As \'t mij to lang duorret, moat ik hjir
wer bij jimme komme, om er in ein oan to meitsjen.
Anke
Hast earst ek yet hwet nedicli, Wikje ?
Wikje.
N�, Anke Ik forlangje oars neat as myn herte to
�ntl�stigjen. As dat foarbij is, scil ik ger�ster w�se.
(Hja geane de doar tit.)
ACHTSTE TOANIEL.
Lieue. Wikje.
{Hij giet op in stoel bij it b�d sitten en fettet
hiar hdn beet.)
Wikje.
Die \'t dij net hij, Lieue, sa\'n boadskip fen mij to
�ntfinsen ?
Lieue.
Ja en n�, Wikje. Ik hie fotir in wike ef hwet al feu
-ocr page 90-
88
dyn sjeachtme heard en wist derom dat-ste net goed
wierste. Eak hie \'k al jamk der oer thocht dat wij elkoar
yet wol-d-\'ris sprekke scoene, � mar dat dit hioed, op
dyn eigen fotsiek, barre scoe, hie \'k nea thinse kind.
Wikje.
Myn libbenstried scil ringen ouspoun w�se.....
n�, lit mar gjin Mennen rinne.....al seit dokter
eak tsjin mij, dat ik wol wer better wirde scil. Ik fiel
it wol oan mij sels. Hja wolle mij mei in ydele
hope paeye.
Lieue.
Och, Wikje, lieave, praet sa uet.....
Wikje.
N� Lieue, siker it is sa. It hat mij earst eak in bult
forthriet koste foa> ik it sels leaue woe. Ik woe sa jern
yet hwet libje! De wrald laeke mij sa oan, en ik bin
yet sa jong! Mar it lyket net to meyen. {Hja is oan-
dien en haldt in doek fodr de eagen)
Lieue.
Krekt, omdat-ste yet sa jong biste, scilste eak sa-folle
to ierder wer better wirde kinne!
Wikje.
Mocht it sa w�se! Mar it kin net mear. En om \'t
ik dat dei oan dei mear bigoun yn to sjen, bin ik er
fen \'e middei einling te oergien om heit to freegjen,
hwet mij de l�ste wlken jimmer yn \'e holle omgien en
-ocr page 91-
89
op \'e tonge lei» hie. to sizzen : ef\'t er dij ut myn namme
helje Iitte woe.
Lieue.
En ik haw mij yn-ienen r� makke, om sa gau as ik
koe bij dij to kommen
Wikje.
Dat haw ik sjoen, Lieue, en ik kin dij net sizze ho
goed mij dat docht. Ik hie \'t net oan dij fortsjinne.
Hast dij nacht yet foar dij .... dij l�ste moaye sim-
mernacht, dat-ste bij mij west haste?
Lieue.
Ho scoe \'k dij nacht ea forjitte kinneP Sa\'n dei is
der neitiid net foarbij gien dat ik net tochte oan dij
l�ste lokkige uren bij dij yn dit hus slften.
Wikje.
En hwet ha \'k mij foart dernei sliucht tsjin dij hal-
den, net? Och, och, hwet ha \'k der letter in forthriet
ten hawn! Dat kin \'k dij nea sizze. Dou hiest mij
jimmer sa hiel oars bihannele en haldste sa folie f en mij.
Mar ik ha mij hiel-end-al fen in rlaeyer meinimme
litten.....Lieue, Lieue! (Hja fait mei de holle
op it k�ssen del en kryt de l�ste wirden �t.)
Lieue, (Hij steunt hiar holle.)
Hald dij bidaerd lieave, sa folie as yn dij is Wot-te
eak hwet kald wetter ha ? (Hij rikt hiar in gl�s ta;
hja drinkt er in pear swolchjes ut.)
-ocr page 92-
90
WlKJE.
lt is al wer hwet oer.....Liz it k�ssen in bitsje
bettev tsjin myn r�ch oan. (Hij docht dat.) Sjea sa....
Thankje Lieue .... Do \'k dij de wensdeis nei dij l�ste
sneintojouns dat briefke stjftrde, om �s pleisierreiske
nei Liowert �t to stellen, wist ik yet nearne fen. It
�tstel wier eigentlik Anke\' wirk, dij troch al de oarlochs-
praetsjes yn dij dagen bang wirden wier om op dat stuit rtt
to gean. Mar de sneintojouns derop kaera Pyter hjir it
hiem opriiden Ik wist s�ver net hwet ik seach ....
Lieue.
Hied er dij den foar�f net in briefke skrieun?
Wikje.
N�, as er dat mar dien hie, wier der mij in bulte
leed bisparre blieun. Hwent den hie \'k him yn-ienen
andere dat er der gjin wirk fen hoefde to meitsen om
nei mij ta to gean. Mar hij kaem �nforwachte. Ik
woe him earst blau jaen Dochs hij halde sa oan, dat
it sa\'n skande foar him w�se scoe, as ik dat die, en ef
ik den absolut net, al wier \'t eak mar de heale nacht,
bij him opsitte woe, en hij wist derbij samoaito praten,
dat ik, eak al troch syn deftich foarkommen en syn
aerdiche manear om mei jin om to gean, einlich tajowch
en bij him sitten gyng.
Lieue.
Wermei-\'t-er de earste en slimste reed fen dij woun hie.
-ocr page 93-
!)1
WlKJE.
Ja, hwent do \'t er ienkear sa fier wier, kinst nea
thinke Lieue, hwet prikken as er derop yn \'t wirksette,
om mij fen dij oukearich to meitsjen en sels bij mij yn
in moai bl�dsje to kommen. Ho fyn wist er it oan to
lizzen om mij yn syn fuken to fangen; den wer sprekke
fen syn heite jild en oansjen, en as dat net \'enoach
holp, den mij mei plonipkebjizzems stryke. Sa rekke ik
alhiel forbiustere en hie \'k him earder as ik \'t sels
hast wiste, bij \'t ouskie �nthjitten om de mendeis deroan
mei him ut to riiden to gean. Ik wit yet nea net
ho \'k derta komme koe.....
Lieue.
Ik hie \'t wol bigrepen, Wikje, ho it tagien w�se
moast Der waerd mij mear as iendris sein, dou scoeste
siker Pyter Ijeaver hawn hawwe as mij, mar ik fielde
bij mij sels to goed dat dat net m u lik w�se koe
WlKJE.
Dij dat sein hat, wist er neat fen, Lieue. Ho koe
in oars eak wite tit hwet groun ik hannele ? Mar ik haw
troch myn skandlik dwaen sels oanlieding jown dat de
liue sa oer mij thinke moasten.....
Wij rekken den de mendeis mei\'noar Hei Liowert.
Pyter wier er t�ge grutsk op, dat him alles sa moai
lokt wier, dat koe \'k oan alle dingen wol merke ; hij
wier sa prustich en die oars neat as in steil wird
-ocr page 94-
02
tiere, mar al ho-\'t-er him eak warde om mij pleisier
oan to dwaen, ik hie stiver nin wille en winske neat
Ijeaver as mar wer th�s to w�sen. (Hja haldt efkes
op om tver htoet op asem to kommen.)
Lieue,. {Hij skiJct it hessen hwet
toriuchte.)
Wachtsje efkes, lieave, dou bist ski�n �f.
Wikje.
. . Ik kin hast net mear.....Mar ik moat
dij it oare eak yet sizze ... .Do wij mei in dei
twa, trije wer th�s kaemen, koe \'k him fen sels net mear
weger je om mei trije wike yet\'ris to kommen. Under-
twiske hoape ik yn stilte, dat-stou de snieuns ef sneins
deroan noch ienkear hjir hinne riide scoeste; ik hie do
al sa folie birou fen myn died, dat ik niks fj�riger
winske as dij wer to sjen en om forjeffenis to freegjen.
Mar al ho-\'t-ik eak utseach, dou kaeraste net, en lietste
eak neat fen dij heare.
Lieue.
Ho koe \'k dat eak dwaen, Wikje, nei al \'t jinge er
bard wier?
Wikje.
N�, dat bigriep ik efternei eak wol; mar dochs, ik
iorlange sa om dij to sizzen hwet er yn myn hert» om-
gyng .... Do-t-cr trije wiken forroun wiereu, kaem
Pyter wer op-daechjen. Ik sei him ridlik gau hwer it
-ocr page 95-
93
op stie, dat ik tige spyt fen myn dwaen hie, en dat ik
him hjir �t-noch-yn net wer sjen woe .... Al syu
tsjinaxeljen holp him neat .... Hij gyng nydich hinne.
Foart derop bin ik wer siek wirden .... Nou witste
ho \'t alles tagien is, Lieue .... Kinste mij myn han-
nelwiize forjaen?
Lieue.
Forjaen, lieave Wikje, ho freagest dat yet ? Al wiken
lyn ha \'k dij yn myn herte forjeffenis skonken. Hwat
er eak bard w�se mei; ik halde en hald yet altiid fiers-
to-folle fen dij, om dij ea in kwea hert ta draege to
kinnen.
Wikje, (glimJc�t him oan, mei in
fornoeide trodnie.)
Thank Lieue, thank! foar dij wirden .... O, nou
is mij in swier pak fen \'t herte! .... Nou kin ik myn
holle r�stich deljaen . . . . Siz it yet \'ris, hast mij for-
jown, en haldste siker yet fen mij ? Och Lieue, ik ha dij
eak sa lieaf! Nin wirden kin ik fyne om datto�iterjen.
Lieue.
Ja Wikje, myn famke, dij stoarie mei Pyter is toar
jimmer bij mij utdien! En myn lieafde foar dij is kref-
tiger as ien amerij to foaren yette, nou-st-dou mij mei
dyn l�ste wirden sa hoppe mjitte lokkich makke haste;
nou-t-ik de feste oeftsiuching haw, dat dij lieafde yn
it djipste fen dyn herte wearklank fyut.
-ocr page 96-
01
Wikje, (Hja wol oerein gean om
him de hannen om \'e hals
to slaen, doch sticht mei
de holle op it k�ssen tobek,
Ander it �troppen:)
Lieue, myn beste Lieue!
LiiiUE, (/en syden.)
O God! Dit is to bot gien! De krefteu bijouwe
hiar! (Hij rint nei de doar en ropt:) Dokter ! kom
ringen hjir ! (Dokter, Minne, Anke en Oeds kommc hird
de keamer yn. De earste stiet foar it b�d, skoddet
de holle en seit
:) To let, hiar striid is �t! (Oeds
b�cht him oer it b�d hinne en Minne bodrst yn tric-
nen �t, wylst Anke op in stoel delfalt en mei de
busdoek foar de cagen it iltkryt)
11 g i r d y n fait.
XJt.
-ocr page 97-
Printer hjirfen hat ek �tjovvn :
Dijkstra. De Silveren Rinkelbel (Friesche editie)......    /\'0,90.
»           »          »                »          (Hollandsehe »)......     - 1,20.
>          De Timmerknecht van Klaverterp......... 1,20.
»         De Wever fen Westerburren...........    - 0,90.
»         De Frymitseler feu Jinaonbnrren                ......     - 1,30.
»         Friske Winterjunenocht IV........... 1,�.
»             »                      »                  V..........    _1,�.,
»         De Friske �bil Ulespegel ..........     - 1,50.
» \'t Heamiel bij Gealeboer...........    -O.30.
van Blom, Blommekoerke..............    - 0,75.
Boo.N�MMKii, It doarpke oan \'t spoar .......... 1,�.
Haxsha, Sippe Schelteina..............    - 0.50
DiJKSTiiA, De Boeresjonger (Treilde printinge) .......    - 0,30.
»         Mink mei \'t orgel.............     - 0,25.
»         Haitskemoai\'s klachten in \'e winter fen 1855 . . . .    - 0,10.
» Petear fen Haitskemoai\'s bern in \'e winter fen 1857 .    - 0.10.
»          Haitskemoai\'s klachten oer de nije inoden.....    - 0,20.
»         Haitskemoai\'s noitinkon oer de franske tyden . . .    - 0,20,
>          Haitskemoai op \'e tentoanstelling fen Frysce aldbeden
to Leauwerd yn 1877 ...........    - 0,15.
FOR RKDERYKERS:
Wirkjes mei riinen eii teltsjei- tor lju dij \'t gr lecli
ris liwet in \'t iepon.\'bier foarl�ze vvolle.
Walisg Dijkstra, Aid en Ny.............    �0,90.
»             »          Foar nut en noebt..........    - 0,90
»             »          Fen oarder on letter.........    - 0,90.
T O A N I E LSTIKK lil JNr:
Smids Feikje ef Rjueidom\'s Testemint, Toanielstik.....    �0,75.
Lubbert Erchtink.\' Blijspil............... 0,50.
Rabbery beskamme en woldwaen beleano, Toanielstik (Oarde print.)    - 0,30.
It tsiende gebod, Kluehtspil mei sang (Oarde printinge) . . . .    - 0,25.
Try\'e jierren letter of Lcvi Smoel de Lotteryjoad. Toanielstik
(Oarde printinge).................    - 0,25.
De Utdragerswinkel, Klucbtspil mei sang (Oarde printinge) . . .    - 0.30.
De Alde Jas. Blyspil (Treilde printinge).........    - 0,40.
In faem en in Arbeidster by Kcapman Watse, Kluehtspil (Oarde print.)    0,30
S�kke mar mear, Kluehtspil mei sang (Oarde printinge) . . . .    - 0,30.
De Keartlidster fen Gritsebiirren, Toanielstik (Oarde printinge) .    - 0,30.
Troch \'t tsjoede fa \'t goede. Toanielstik ....,....� 0.60.
Riueht en sliucht of oars om. Blyspil..........    - 0,40.
Mal �t, Mal thiis, Blvspil (Tredde printinge)........    - 0,40.
De Skinke ef de Skelm yn \'e knip, Blyspil........     - 0.25.
Thomas en Tsianike of de misl�kte reis nci Nosird-Amerika Blyspil
mei sang (Oarde printinge)          ............    - 0,30.
Lubbert of de misl�kte moart, Kluehtspil mei sang (Oardeprintinge)    - 0,30.
Nanneboer en Master Slim, ef hoitenoed en frijersliat, Foardracht
for twa porsoanen................    - 0,30.
De boer by de Divclbander, Foardracht for twa persoanen . .    - 0,30.
Solke mei de baergefoetsjes, Kluehtspil mei sang......    - 0,30.
In alde rot �n \'e falie, Kluehtspil...........    - 0,30.
Kees Moster, Toanielstik...............     - 0,30.
\'t Wiif �t to arbeidsjon, Blyspil............    - 0.30.
in neef �t Amerika, Toanielstik............    - 0,30.
De gearjeft fen Beitske en Japik, Blyspil mei sang.....    - 0.30.
Ljeafde en frjeunskip, Toanielstik...........    - 0,30.
Ljeafde siket list. Blyspil inei sang..........    - 0,30.