-ocr page 1-
1
Instituut voor
Oudgermaanse Talen
■r\\ F C-ZZ-l-C
■ I
!
4
/v\\w lo^"5>
1
r
na — a-
«.s
BRIEVEN
El
ft
di
ft
<3
UTT
il           «T
T
(?
—-o«S>§jg-—
(5
Ljüuwert ,
H. KUIPERS,
1879.
"
■f
ET
-ocr page 2-
1
Skinking üt \'e neilittcn boekerij
fan
Kees Tjemmes van der Meer
\' berne 4 Juny 1864 to Molkwar -
hwaens leafste wurk de stüdzje
fan Fryslans tael en skiednis wie.
(
-ocr page 3-
flW7 y<r-i
;
c^~
7^- "2-2- /-e
BRIEVEN
FEN IN
UTTIR
—-i>sS<^o-—
; UNIVERSITEIT UTRECHT
A06000029249475B
2924 947 5
J
Ljouwert ,
H. K U I P E R S,
1879.
te Utf"ecF
-ocr page 4-
/•\'
Printe by J. R. Miedema, to Liouwert.
-ocr page 5-
t
BRIEVEN FEN IN SKUTTER.
i.
Ja minsken I ik bin nou ek skutter wirden. Do ik
okkerjüns mei min jas mei glêdde knopen, in broek mei
\'n wite bies, in sjako op \'e holle , de patroantas op \'e rêch,
de koppel mei it slakkestekkershüske om de mil, en it
gewear op it skouder de keamer instapte, sei min wiif
tsjin my: »Fy! meitse mar as de wearloch daste foart
komste, ik mei dy sa net foar min eagen sjen!" Nou,
sjea derl ik stoe forbüke. »Ik mei dy sa net sjen!" —
dat hie min wiif nea earder ts]in my sein, sels net do
ik forline winter, do it sa glêd wier, mei in skilde noas
thüs kaem. Soach ik er nou den sa raer ut? En ik wier
oars sa kreas klaeid for in skutter. Ik hie fen in üttsjinne
skutter in omtrint gloedny pak mei al sin tabihearren
oernomd. Ho brik en ünrjuchtfeardich, oars net ? dat min
net allinne in de stedden jins kostelike tiid forskutterje
moat, wils \'t hja op it platte lan mar in namme skutters
binne, mar dat min hjir den op de keap ta for jins eigen
duiten ek yet in pak for in fiftich göne oanskaffe moat.
Dübeld skea! Earst de ütjeften for sa\'n uniform en derby
dy skoandere tiid. — »Time is money," seit de Ingelsk-
man, dat wis for in bulte minsken in wier sprekwird
hjitte mei. Ik stapte de keamer ut en kroaske as in dief
de tsjusterste strjitten. lSns. It wier krekt as fielde ik my
forlegen en biskamme oer de hege ear om in sa\'n glean
-ocr page 6-
2
pak troch it ljocht to stappen. Ik kaem in bitsje foar
ach ton in de maneedsje, hwer de nybakte skutters it
eksersearjen leare moatte. Om acht ure kommandearre in
infanteri-ljutenant: aantrede." Fen de 120 of 130 skutters
wieme in great fiftich fen allerhande stand, gelove en
klaeyinge opkomd; der wieme bynammen forkate by,
dy in boargerklean komd wierne, omdat hjar pak yet
ünder snidershannen wier, wils \'t in oaren wer it forpofte
om sels in pak to keapjen.
Op it kommando »antrede" postearden wy üs in twa
rigels, de greatsten foarop , de litsten efteroan. In alde
skutter-sersjant plakte, ef Ijeaver smiet üs torjuchte,
wils \'t hy nou en den immen tasnaude, dy net krekt
op sin plak stoe: »kan je dan godver.... niet zien, dat
jou voorman kleiner is ?" Ik hie tocht dat it by de skut-
tery hwet fatsoenliker taging as by de soldatery ; dat hja
ünderskie makken twisken «burgers" en «negers ," lik as
hja üs wol neame; mar it foei my just net mei, moat
\'k sizze. Do wy allegearre sa hwet to plak stiene , naem
de ljutenant wer it wird en fortelde üs, dat er alle wiken
tryeris jüns fen 8 oan \'t 10 üre ta, in de maneedsje
gelegenheid wêze scoe, om it eksersearjen to learen , tsien
wike lang. Hy drukte üs op it hert, om foaral trou to
kommen, hwent hwa nei dy tsien wike öfeksersearre waerd,
keam in de earste ban en hoefde mar ienris in de moanne
üttotsjen. De domkoppen moasten alle fiertsien dagen
ütrukke. Do waerden wy in heapkes fen acht of tsien
öfdield en elk heapke krige in mstrukteur. Nou scoe den
de bear fen \'t kjetting komme. Wy moasten üs gewear
tsjin de mürre oansette, op in rige stean gean, wils \'t
üs inslrukteur in litse oanspraek halde, dy omtrint hjirop
delkaem: Hy wier net in rou en strang man, dy sin
-ocr page 7-
3
»jongens" mei brommen en flokken it eksersearjen leard. —
Né ( sin »principe" wier, om it er mei goedens en in
moai praetsje in to jitten. Aa wy nou mar bigripe koene
en woene, den stoe hy er üs foar in, dat wy earste
bazen waerden. Do bigün de grap : «geeeeft... acht!
reeechts... om! voooorwaarts... marsch ! op \'t skou...
der... \'t geweer, op de plaats... rust! ensf. Us instruk-
teur
wier in grappich en praetsk man. As immen it for-
keard die, den wier it: «herstel!" en den forlelde hy
üs, dat «herstelle" gjin «verstellen" bitsjutte. It léste
woe sizze «broeklaepje" ef sa hwet; mar »herstelle" wier :
yette ris oerdwaen. Mei de nye spelling wier hy net op
de hichte, sei hy, dêrom sei hy fen palm , inpleats fen...
fen... «ja! hoe heet dat ook maar weer... ?" — «Deci-
meter!" holp ien fen de skutters him op de hichte. »Ja
juist! dizemeter ?" Sokke geastige setten , dy hy by bul-
ten opdiste, wieme doch wol alleraerdichst, oars net ?
Wis folie better as godver... en blik... Wy stoene alle
ameryen «op de plaats rust," hwent üs master wier in
frjün fen in praetsje, bynammen fen geastige pittige
setten en grappige potsen en ütlallen. Mar op sin tiid
wier hy ek wer alhiel end al de meardere; as ien fen
sin «jongens" hwet al to fry waerd in sin ütdrukkingen
en de afstan forgeat, dy er twisken in skutter en in
generael... ik wol sizze in sersjant, bistoe, den wier it
«basta!" Hy fielde sin mearderheid sei hy. Twisken bei-
den in Hts grapke, dat koe; mar oars wer elk in sin
eigen rang en steat. En wy marsjearden wer hast oan
de knibbels ta in \'t stin om. Sa ging de jün foarby; om
tsien ure wier \'t ófroan en ging elk sin wegen. Do
ik thüs kaem en min uniform tsjin boargerklean forwiksele
hie (hwent oars wier ik bang, dat min wiif bigün to
-ocr page 8-
4
kommandearjen: «voorwaarts... marsch !") fortelde ik
hjar hwet der al sa hwet bard wier, en bynammen ek
dy aerdige geastige setten fen üs histrukteur. Marhjasei:
»hald mar gau op mei dy laffe teltsjes; as jimme dat
dêr leare inpleats fen eksersearjen, den is \'t dübbeld skande,
dat jimme dy skoandere tiid mei dat Janklassenspil to
siik bringe moatte. Scoe min wiif ek gelik habbe, — hwet
tinkt jimme?
II.
It wirdt, tinkt my, ek hast ris tiid . dat ik jimme it
ien en oar oer üs krichssaken meidiel, oars mochten jimme
mülk tinke, dat de skutter in de twiskentiid sa krich-
suchtich wirden wier, dat er nou al as frywilliger ünder
de Eussen tsjinne en mülk op dit eagenblik in grouwe turk
krekt in blauwe bean in \'t gat stjürde.
Né, ik bin yet de freedsomme man fen altiid! Wy
wirde nou al hele bazen in \'t eksersearjen, kin \'k jimme
sizze. Wy binne nou sa fier al hinne, dat wy in twa ge-
lederen , dat wol sizze, in keppels fen sahwet tritich of
fjirtich dapperen marsjeare en eksersearje. It marsjearen
woe in \'t earst net flotsje, hwent troch dat de skutters
de gewearen yet allegearre lang net allik op it skouder
lizzen hiene en de iene hwet minder kreftich op de kolf
drukte as de oare , hearde min soms by it ^rechtsomkeert,"
sa\'n wapengekletter, dat as min de eagen ticht kniep,
min swarre scoe, dat hja elkoar mei de banjenetten it
libben sür makken. Wy habbe de lading ek al leard. Dat
giet in 17 tempo\'s en nou komt it er mar op oan, om
mei tel 17 krekt it gewear wer by de punt fen derjuch-
terfoet to habben , sünder in biweging oer to slaen. Jimme
gniskje allicht en sizze in jimme sels: jnou ja, dat sco
-ocr page 9-
5
ek hwet wêzze!" Mar eale lansliuwe! stel jimme laeit3en
mar üt ta dat üs nye minskefordilgingsminister, de »rês-
tende skuttery" mülk binnen koarte tiid ek oan \'t ge-
wear set. It moat tominsten wier wêze, dat sa\'n lading,
as min dat in in skoft net dien nat, yen bare gau for-
eart, hwent in skuttersljutenant, dy it ien fen üs , dy
it forkeard die, foardwaen scoe, koe it sels ek net klear
spilje en earst do de instrukteur it him foardien hie,
skeat it him wer to binnen. Is nou it gewaer laden (sa
beare altiid, hwent der komt gjin koegel in) den is \'t:
»leg aan," en den moatte wy elts mar in mikpunt kieze,
dat trochgeans op in lange ef koarte skutter dy foar üs
stiet ütdraeit. In inkelde kear moatte wy fjürje, mar den
heart min fen sels oars net as it knakken fen de 1 wannen,
hwent it is yet altiid sabeareboartsjen. Ik scil jimme nou
al dy oare maneauvres mar net forklearje, hwent as de
tiid komt, dat it commando : »Haye, draei din gat hwet
nei Pieteromme stek!" wer troch jimme stille doarpen
klinkt en de protters troch it kletterjen fen \'e blanke
banjenetten üt binaudens op inkelde sjako\'s in wit en
swart plak efterlittende, forskrikt üt de beammen fleane
en hjar op it hoantsje fen de toer del sette, om jimme
in fugelperspectief üttofluitsjen, den is \'t yet ier genóch,
omdat allegearre to learen en den scille jimme wis üt it
djipst fen jimme herte suchtsje: »Zalig, toen wij nog
rustende waren." Lik as by alle dingen, habbe wy by
üs ek inkelde ünwilligen, ünforskiiligen en dommen. It
giet dy lesten krekt as wilen min hün, dy as ik tsjin
hem sei: »Zit op!" op \'e rêch lizzen ging. As hjar kom-
mandearre wirdt: slinks om!" den meitse hja: »rechts
om," en as der roppen wirdt: ïgeeffc acht," den geane
hja «plaats rust" stean. Nou, den is \'t best to bigripen,
-ocr page 10-
<i
dat de instructeurs en üs ljutenant-adjudant der soms
koegels by wirde en net: wil je asjeblief, mijnheer ?
spilje, as der by it marsjearen güden ünder binne, dy,
in pleats fen as ferm ut de kluten skettene kearels, mei
»Brust voraus, Kopf in die höh, Augen zum Himmel"
en mei in flinke tred, der twisken in bongelje krekt as
in alde knol foar in trekschip.
Us ljutenant wier den okkerjüns ek sa noartich, dat
er üs driigde, dat wy allegearre in \'e twade ban bljuwe
scoene en dat er der minder op sjean scoe of min bihoarlik
eksersearre, as, ho faek min de lessen bywenne hie. Nou
scille jimme sizze: »it is net rjucht dat de goeden it mei de
tsjoeden üntjilde moatte en dat it er minder op oan komt, ho
faek
min by de lessen mankearre hat, as ho min eksersearret.
Mar eale lansliuwe, dat komt omdat jimme fen sokke militaire
saken net it rjuchte bigrip habbe en jimme oprjuchte Frie-
zen alles mei de jelne der rjuchtfeardichheid öfmiette wolle.
Forliden snjün moast de fjirde compagnie inspectie
halde ünder de waech. Dèr stiene sa hwet in tachtich man
lik as bütterfetten op twa rigels, wilst de skuttery-officie-
ren üs wapens en klean neiseagen.
Do waerden üs nammen öflêzen; dy er net wierne kri-
gen allegearre (?) in streekje, de sersjant sei, dat as der
bran wier en de klokken bigünen to klippen, wy allegearre
ünder de waech by elkoar komme moasten, meioarewir-
den, wy hiene »brandpiket." Dat is ek al sa\'n ünding.
Hwerom litte hja de soldaten dat net dwaen, dy dochs
mei de siel ünder de earm rinne en litte den de boargers
elk for sin eigen have en güd soarch drage as der bran is ?
Dernei dripte de iene nei de oare öf en ringen boarten
de litse jongens op it selde plak, dér wy greate minsken
in heal üre to foaren boarte hiene.
-ocr page 11-
7
As immen in nye post krige hat, den freget min al
gau: »Nou! ho bifalt it jo in jins nye bitrekking ?"
En sa scille jimme my mülk ek freegje: «ho bifalt jo
it skutterjen ?" Min man I tige min I Ik hab in bihoarlik
rom gewisse, mar dit kin ik dochs mar net mei min ge-
wisse goed fine en oerien bringe, dat wy dy skoannere
tiid sa deadsje moatte, om üs in de moardnerskinst to
oefenjen.
De moardnery »en détail," wirdt troch strange wetten
sa folie mülk de kop indrukt, wilst it freechstik fen de
moardnery »en gros" in bulte skrandere hollen beuzich
haldt, dy tinkt my hjar tiid better bistelden en fry hwet
mcar de tank fen it hele minskdom fortsj innen, as hja
hjar grize nierren praktisearren om lis op de iene of oare
wize in bisteanbere frede to bisoargjen.
III.
Wy habbe üs wintersliep üt. Forline wike waerd üs
oansein, om op moandei de 8 April «inspectie" to halden
in de manége, dat likwol letter foroare waerd in »Gym-
nastikskoalle" — wis, omdat de tentoanstelling-bistjür-
deressen in de manége oan \'t hüshimmeljen binne. My
tochte, üs «Superieuren" hiene dat foaröf wol witte moat-
ten; hja hiene den de advertensiekosten fen de Ljouwerter
krante en it advertensiebledtsje bisparje kinnen. Mar hwet
praet ik nou ek wer — it komt in «militaire zaken"
ommers op in goune mear ef minder ek net oan.
Nou den, — hjoed neimiddei omhealweiseisenmoasten
de skutters fen de 2e en 3e Compagnie «inspectie" meitse
in de Gymnastikskoalle. It gebou wier der likwol net op
inrjuchte, om sa folie striders to bergjen, as hja tomins-
ten hwet earmslaeh halde scoene. It spande der den ek
-ocr page 12-
8
bjuster om for üs krichskindige «Superieuren" — hja
spilen it einlings klear. De skutters fen de twade klasse —
in stik seis saun in getal (ik Lear net ünder dat tal,
Lwont ik Lab min examen foar de Ie klasse lokkicL öflein)
dy »twade klasskutters" wearden sa lang in in keamer
litten, hwer in pear fen bjarren de tiid koart makke
habbe troch in sliepke to nimmen, wilst wy alearde skut-
ters" mar oppasse moasten om üs müle ticbt, mar üs
eagen goed iepen to halden by \'t exersearjen, om ek net
in de twade-klas-kajüt stoppe to wirden. In raer spil scille
jimme wol sizze: »de learden yet mear leare en dommen
sliepe litte," it wier folie better as \'t riucht oarsom wier.
Ja lftnsljue, mar dat bigripe jimme wer net, dat binne
skutterssaken en dy binne altiid in bitsje oars as oars.
In earste-klasse-skutter fen de Se compagnie, dy in
sin wintersliep it exersearjen hwet skinde forleard to hab-
ben, waerd wer in de twade klasse set.
Nou bawar, dat neam ik skande! It wier in man, dy
mannicb dübeltsje slüpe litten en in bulte tiid to siik
brocht hat, om forlinne winter it exersearjen in de manége
to learen, — immen, dy do nei óflein examen in de
earste klasse pleatst is en dy nou wer tobek set wirdt,
omdat er de «handgrepen" net goed ünthalden hat. Wol
by nou wer in de earste klasse komme, den moat hy
takomme winter op ny twa ef tryeris wiks üt sin wirk
wei rinne om to learen. As de wet ek sa ris handele mei
dokters, apthekers , notarissen , abbekaten ensfh. en byge-
liks in dokter, dy in patiënt in de groun mastere, in
aptheker dy om jild prikswiethout for kinine forkeapet,
in notaris, dy sin procenten hwet al to heech oanskruft,
in abbekaet dy in pleitsaek forliest — as de wet al dy
minsken, dy doch ek ienkear hjar examen öflein habbe ,
-ocr page 13-
9
allegearre »degradere" woe , omdat hja de iene foar de
oare troch missetten it biwüs levere habbe, dat hjar de
«handgrepea" forleard binne — och, min ljeave tiid —
hwet scoene der den in bulte fen dy minsken in trep-
pentsje leger to sitten komme.
Oer it algemein gong it exersearjen yet al ridlik goed
(for in skutter bynammen), de iene joech de oare soms
wolris in staet mei de kolf ef it bajonet, mar dat kaem
meast dêrfen dinne, dat wy net folie earmslach hiene.
Min bürman stits Claudius Civilis hast mei it bajonet sin
ienichst each üt, as it glês hwer hy efter siet (it wier
nammenlik in bild fen Claudius Civilis, dat efter in list
oan de mürre hong) de pjuk net öfkeard hie.
Do de excercitie öfroun wier, waerd der »stilte" bromd
en de sersjant-majoar lies üs de »order" fen de skuttery
foar. Ik hab der inkele dingen fen ünthalden. It earste
sahwet kaem hjirop del, dat it doel fen de skuttery wier,
us in de »wapenhandel" to oefenjen. Sjucb ! dat wird
swapenhandel" wol my mar net rjucht oan. Wier it by-
geliks, »wapenhantering" den scoé" ik my dea katoen
halde, mar shandel" docht my altiid sa tinken oan keap-
manjen — en ik leau nou just net, dat it wit fen
de skuttery is, om us op to lieden en oan to fokjen ta
keaplju in gewearen, sabels en oar moardtüch, ef om de
kanonnefabrikant Krupp to Essen in de fjillen to riden.
In in oar artikel stoe: »de eerste plicht van den skut-,
ter is »zwijgen."
My tochte oars, dat de earste plicht fen in skutter
wier, om in need it heitelan to fordigenjen en dat vzwijgm"
ien fen de léste plichten wier.
Hwet fierder stoe, dat as de skuttery in de simmer-
soannen in it lan exsersearre, nimmen sterke drank in
-ocr page 14-
10
de patroantas habbe mocht. Ef min der fine koeke ef brette
boltsjes in stopje mocht, dat hab ik net rjucht heard.
As in skutter troch siikte forhindere is om de l&n-
exercities by to wenjen, den moat hy foaröf in biwiis
fen de officier van gezondheid fen it Bataljon oan de com-
pagnie-commandant Instjüre — in biwiis fen in oare
dokter wirdt net In oanmerkinge nomd. Hwet scil dy
dokter in klanten kryo ! ik leau, dat ik him ek mar ta
mm hüsdokter nim. Op it lést waerd lis yet meidield,
dat alle skutters fen \'t simmer oan de «schietoefeningen"
diel nimme koene, mar ik leau net, dat de oanrin
bjustere great wêze scil.
Dêrnei werden us nammen oproppen, eltse skutter krige
in reglemint en wilst wy it gebou forlieten, like it my
ta, dat Claudius Civilis yet in blik sloech op min bürman —
in blik dy sprits: »Feintsje! hiestou my min rjuchter
each mar mei din bajonet ütpjukt, den hie ik hjoed gjin
eachtsjüge west fen jimme janklaesenspil!
Nou, frjünen! oant maye. As de ky in \'t lan komme,
den komme wy er ek in en den diel ik jimme wer it ien
en oare mei.
IV.
In min léste brief hab ik sein, dat as de ky maye in
\'t lan kaemen, dat wy der ek in moasten. Nou den ! sa
binne wy de 6e maye fen de skutstal komd. Om 5 ure
de neimiddeis moasten alle skutters op it exercitieplein by
elkoar komme. Klokslach fiif ure joech de tamboer it
teiken, dat wy us in \'t gelid pleatse moasten. Eltsien
moast mar meitse, dat hy sin eigen kompany foun. By
it torjuchte setten fen de manskippen, foei der al ris in
inkelde ut, dy as preludium to djip in de romer sjoen
-ocr page 15-
11
hie en it gewear net goed mear halde koe sa \'t hearde,
mar de measten, sa wol de platte skutters as ek it ka-
der , de ljutenants en sa fierder oan de heechste tüke fen
de krichsbeam ta, wieme klear for de saek. It in \'t ge-
lid pleatsen gong yet al bihoarlik fluch fen de han (for
Ljouwerter skutters alteas) de waernimmende komman-
dant stiek sin blanke sabel heech in de blauwe loft, de
trommen en dèrnei de muzik foelen in en de lange rige
skitterjende sjako\'s en blinkende slakkestekkers kaemen in
biweging, wilst de dragers derf en mei in fen krichsfjür
fonkeljend each en in echte skuttershalding, onder frjünen
en migen,. wiif en bern, dy by honderten lans de wei
stoene, in öfskiedswird ef blik tasmieten, in blik dy
spriek: »Parwol! Farwol! mar net foar iwich !" Us kom-
pany wier allnel efteroan (net alhiel, liwont de skutters
fen de twaddo klasse, dos dy, dy der yet minder fen
kinne as wy, wierne de aldereftersten). Wy koene fen
de muzik sahwet neat hearre en nou kinne jhnme wol
bigripe, dat eltsien der sin eigen pas op nei halde, hwer-
troch min, inpleats fen ien ferme pas to hearren, swarre
scoe (as min de eagen ticht hie — dat sprekt) dat der in
keppel hinders de diik lans rounen. Us skutterymuzik is
(sa hab ik tominsten wol ris sizzen heard — ik sels bin
just net sa\'n greate kenner derfen) by sokke gelegenheden
net sa goed as Dunkler\'s. En dat is ek gjin niget, hwen*
ik seach der letter muzikanten by, dy ik nea as sokken
kend hie, en ik tochte sa al by my sels: sscoeno
dy mannen op sa\'n dei sa mar in ienen in soarte fen
in muzikale injouwinge krye, ef scoene der mar in
stikmannich spilljue by elkoar klaud wirde om mar in
great corps to kryen; op de selde menear as by greate
sjongselskippen , hwer faek in hele bulte ünder binne,
-ocr page 16-
12
dy mei de miile thicht sjonge, eft mei de müle
iepen heislike falsk sjonge. Nei in koarte «marsch" ef
ljeawer »gekring" troch in skare fen manljue, frouljue
en bern kamen wy einlings in it lan oan. De divisie-
commandanten kamen foar en krigen hjar «instructies"
fen de commandant. Ik for my hald it er foar, dat lija
al lang mei elkoar öfpraten hiene, hwet hja mei üs ek-
sersearje scoene en hja hjar leske goed fen buten leard
hiene, dos, dat it mar for de foarm wier.
Nou bigun dan de eksersitie; mar ik scil jimme de
commando\'s mar net allegearre fortelle, alhowol dat for
my just gjin swier wirk wêze scoe; hwent wy moasten
eltse kear wer it selde — fen foarren of oan. Moasten
jimme den sa inpipere wirde om it nea wer to forjitten,
scille jimme mülik freegje ? Né , dat net! mar de oar-
saek dat it «herstelle" eltse kear oer de griene weiden
klonk, laei him oan üs learmasters sels. Ef de divisie-
commandant sin les forgetten hie, ef dat de bataljons-
commandanten en fierdere sersjanten en korperaels sa stom
wieme ef de eagen en earen fol heidebranderyriik hiene ,
dêr kin ik fen sels as platskutter net oer oardiele; mar
dat it in eksersitie wier, der sels in rekrut de skouders
for oplüke moast — dat stiet sa fêst as in mürrel Den
stiene wy wer mei de regen tsjin elkoar oan, as woene
wy as «wapenbroeders" neat mei elkoar gemien habbe,
om foart dernei tsjin elkoar oer to stean, as wierne wy
skieringers en fetkeapers , dy klear stiene om op elkoar
in to hakken. As de skutters net wizer west hiene as
de commando\'s fen de bifelhabbers , den wierne der grif
in keppel in de sleat rekke, hwent de rigle striders wier
by it «zwenken" langer as it ein lan, dat hjar fen de
sleat skaette en der waerd gjin halt cominandearre. Hie
-ocr page 17-
13
in infanterie-ljutenant it commando hawn, dy hie wis
sein: »door de sloot godv....., jelui moet door de hel
vliegen als ik het beveel!"
Nou! sa wreed binne üs chefs gelokkich net; hja seine
der neat fen do de skutters üt eigen biweging in de flot-
gêrzen »halt" makken. Us supérieuren leine eltse kear
mei elkoar oer heap; de iene bigriep de oare net, hja
harrewarren in elkoar om, dat de fügels forskrikt in it
blau fleagen , sels brükten ef misbrükten hja üs Ijeaven
Hear\'s en sin soan\'s namme slach op slach, as hja elkoar
net fietsje koene. Ik kin net sizze, dat dat gekreau just
bifoarderlik wier for de «discipline," hwent de skutters
stiene soms to skodsjen fen laeitsen en hiene allerhanne
smeulske praetsjes, as hjar chefs elkoar efkes it hier üt-
kjimden. De «officier van gezondheid" kuyere ek ïn ij
lan om, mar hat for sa fier ik wit sin ridskippen net
brükt en hat sïn jild dos fry hwet makliker fortsjinne
as dat wy üs skoandere tiid, us eftermiddei forskuttere
habbe. In it heal ure skoft gongen de «officieren" in in
tinte, wïlst wy »skutters" de griene weide ta sitpleats en
de blauwe loft ta seildoek for ljeaf nimme moasten. Alho-
wol ik jimme de léste kear skreaun hab, dat der in it
lan gjin sterke drank tape wirde mocht en de skutters it
ek net in hjar patroantas mei nimme mochten, wier der
by ófrin fen it skoft dochs yet in dronkene skutter, dy
üt it gelid wei moast. Hwer hy dat skipe hie, bigrip ik
net, in potsemakker sei, hy hie efkes in de officierstinte
west. Ltk as oan alle dingen in ein komt, kaem der ek
oan üs eksersitie in ein. De muzik kaem wer foarop en
dêr gong de lange trein wer nei stêd ïn, wilst de skare
minsken, dy by de wei en strjitten lans stoe, yet oan-
groeid wier. Wy gongen de »Grachtswal" en de »Tuinen"
-ocr page 18-
u
lans (dy selde potsemakker sei, dat dit barde, omdat de
waernimmende commandant op de «Tuinen" wenne) en
waerden by de hinstestallen frylitten. De skutters wieme
wirrich en de dei wier oan ein.
V.
Wy habbe in swiere eftermiddei hawn en lik as in ald
krlchsman nei de slach in sin tinte sit om op sin deade
gemak (?) oanteikening to meitsen fen hwet der dy deis
bard is, sa wol ik, wilst ik min skutterspak for husjas
en pantoffels forruild hab , jimme wer it ien en oar meidiele
en as den de tabaksriik ut de lange piip statich in
wolkjes om my hinne kronkelet, den forbïldsje ik my,
dat it de kruddamp is, dy mülik üs Ljouwerter skutters
yet ienris in de noas lüke scil, as wy for de ear en bilan-
gen (?) fen it ljeave heitelan op de fyand ïnbarne en dêr-
mei teane, dat al habbe wy it scjitten ek mar sa beare
leard, wy dochs ut üs sels witte , dat wy de loop fen \'t
gewear op de fyand oanhalde moatte. Langlêsten sei in
bisfeint, dat as de Ljouwerter skutters ris sikerwier in
\'t fjür kamen, dat hja hjar den mar deaienfüldich hakte
moasten, lik as it op de exersities giet, him thochte den
koe de fyand, as by sokke fiks gediciplineerde krichsmannen
tsjinoer him seaeh ünmüglik it laeitsjen litte — en hwa
laket kin net scjitte — to minsten net mikke, dat sprekt
as in boek. Mar ik dwael öf. Hjoed neimiddei, de 3 Juni,
binne wy for de twade kear in de slach — ik wol \'sizze:
in \'t lan west. Om fiif ure wier \'t wer: »antrede." It
hong der earst al wakker 5n, om \'t spil marsfeardich to
kryen, mar lt lokte dochs en hwet langer dat dürre,
hwat koarter wy in \'t lan hoefden om to wadsjen. Dron-
kene skutters hab ik dizze kear net sjoen; dat kaem wis,
-ocr page 19-
15
omdat it !n de léste dagen hwet dampich waer wier; den
binne de minsken mülik net sa toarstich as hwennear it
sinnich en droech is.
De polisie hie wer drok wirk om de wei f or us to banen
troch in skare fen nysgierrigen, dy us, lik as de foarige
kear, ünder allerhanne smeulske praetsjes, gekoanstekke-
ryen en skimpskotten oan it lan ta brochten. Detwadde
klas skutters makken ek dizze kear de efterhoede ut. Do
hja de foarige kear by it nei stêd gean in hiele poas efter
de greate armee oansjouwe moasten, binne der in stik-
mannich ut nidigens oer dy ünrjuchtfaerdige hannelwize
ut de gelederen weirün en nei hüs kroaske. Sa \'t ik beard
hab, binne dêrfen güds for tsien güne In de boete slein.
It is ek skande, dat hja dy twade klas skutters op sa\'n
menear negerje en dy minsken as kweajongens op in hoeke
ten it lan exersearje litte, en hjar by \'t nei hüs tsjean
alhiel efteroan komme litte om troch jan en alleman ütlake
en biskimpe to wirden. De skuttery is al üngelokkich ge-
noach, hja hoeve it de boargers wrichtich troch sokke
dingen net sürder to meitsen, hja krye der den yet folie
mear it hekel oan en wirde hwet langer hwet ünforskilli-
ger. Us «superieuren" binne ek boargers lik as wy — de
iene is manufacturier — in twade is abbekaet — in thredde
pompierhandeler ensf., mei oare wirden, it binne gjin
mannen fen it krichsfak en hja moasten dêrom ek insjean,
dat it hjar plicht is om dy lést, dy op de stêdsboargers
leit, safolle mügelik to forlichtsjen, ïnpleats dy troch
sokke ünsinnige ütfinsels yet drukkender to meitsen.
De ky hiene spinasiebarrikades In it lan makke, wis
om üs In it springen to oefenjen! Ho linich ek om dy
bultsjes hinne draeid waerd — it naem net wei, dat der
in hiele bulte skutters mei griene ondereinen thüs kamen.
-ocr page 20-
46
Ta straffe sieten dy earme ky oan in stek fêstboun en
moasten it oansjean, ho it krlchsfolk bjar skoander iten
fortrape.
Ik lrege in skutter nest nry, eft hy ek heard hie ef
der binnenkoart ek in nye majoar by us skuttery oan-
steld wirde scoe. Ik sei sa fierder, dat it wol folie aerdi-
ger likje scoe as der in majoar op in hinder foar sin
krichsfolts ütried. Dêr sit him krekt de knoop, andere
hy — de hlnders binne tsjinwirdich fiersten to djür en
bokken to gemien —( en ek to koppich; dy bisten habbe
by tiden de kop wol ris hwet to leech en it gat to heech
en den is \'t in swier stik om sitten to bliuwen. Oer it
eksersearjen sels fait net folie to sizzen; üs divisie-com-
mandant liet us bokselje — dat siz ik jimme. It. »zet af
\'t geweer!" en «plaats rust" wier for üs allike maklik
en noflik as in fearren bêd foar in hantsjemier.
               «
Us ljutenant hie leau ik in lits bokkeprükje op; hy
draeide him, as der ris ef kes lake eft praet waerd, sa
nidich om en seach sa brimstich en swarfc, dat min der
fen skrikke scoe. Hy frege in skutter: »denk je dat wij
het voor ons pleizier doen ?" As üs bataljonsorder
net sei »de bek halde," den hie ik\'him andere: »Wis
man! for jimme plesier, oars hoefden jimme dat officiers-
posje ommers net oan to nimmen — it is gjin moatten,
mar frye wille I"
Great seil de skrik west- habbe, scille jimme wol sizze,
do wy in de fierte de fyand oankommen seagen. Ja wis, —
de fyand! In fiertich soldaten mei grïslinnenske broeken
oan en lodden op it skouder kamen it lan insetten en
in bltsje letter trye ljutenants (dy hiene likwol gjin lin-
nenske broek oan).
De Fransken! de Prusen! klonk it troch de skuttery-
-ocr page 21-
17
gelederen. It gong likwol net op in kryen — üs waer-
nimmende commandant spriek in wirdsje mei de Ijutenants
en skint hjar ünder it eacli brocht to habben , dat as lija
net goedskiks weromkearden, hy ris teane scoe, dat al
wieme üs patroantassen ek leech en de slakkestekkers
stomp, wy likwol net bang wieme for in hanfol Bulgaren,
dy net ienris gewearen — ja sels gjin heaforken hiene,
mar mei lodden en slaeyen biwapene wieme en hjar holle
ta in smoarch grislinnensk pak ütstieken, inpleats fen lik
as wy mei üs gledde knopen en blinkende sjako\'s en ge-
wearen in de sinne to skitterjen as ljeavenhearsingeltsjes.
Tominsten hja dripten wer óf.
Fen it healüre skoft waerd goed brükme makke, min
koe sjean, dat de manskippen wirrich wieme, hwent de
measten laeyen ringen, sa lang as hja woechsen wieme,
oer it griene fjildtapit.
Foar acht üre wieme wy al wer in de stêd en waerden
op de lange piip fen skutter wer frije boarger.
My thochte, as hja de twadde-klas skutters straffe wolle,
omdat hja de frywillige wintereksersities in de meneesje
net bywenne habbe, den moasten hja hjar nei Tsjutsklan
stjüre om keizer Wilhelm ta searewacht" — ik wol sizze —
ta »liifgarde" to tsjinjen; hja scoene den wol leare om
op hjar iepenst to wezen en my thinkt, nimmen scoe it
den mear weagje om op him to scjitten.
VI.
Yet in pear kear nei it lan en den habbe de skutters
hjar simmersjouwery wer dien, en ik wol leauwe dat der
net ien ünder üs is, dy der rouwich om wêze scil, dat
hy sin pak mei glêdde knopen en de moardtugen, mar
2
-ocr page 22-
18
meast yet him sels, de winterrast jaen kin. It »brand-
piket" jout just net sa hiel folie drokte, tominsten as der
gjin mear brannen komme as tsjinwirdich en der mei de
merke net wer in stikmannich kreammen in Jjochte loge
komme.
Forline moandei, de Ie Juli, habbe wy üs trêdde lan-
reis makke, mar it het net hiel lang dürre, hwent it
tafal woe, dat it Harmonie-orkest üt Grins in concert in
de prinsentün joech en nou habbe üs superieuren wis
meilyen mei üs hawn en tocht, wy stille mar hwet koar-
ter eksersearje, den kinne de skutters yet fen de musik
profitearje. Der wieren ek al wer skutters, dy seine, dat
it koal wier dat hja it om üs diene, it wier allinne om
hjar sels, en hja founen it forkeard dat dat concert hjar
heger laei as de skutterseksersitie , mar dat stille dy skut-
ters wol mis habbe , scoe it net ? Né, üs superieuren habbe
it wis om de skutters dien en net for hjar sels, — dat
mei min fen sokke mannen, dy it kriichsfak sa foarsteane
dochs net tinke — oars net?
De eksersitie gong tige min, tominsten by üs kompany.
As it sa foart giet, kinne wy der op it lést gjin bit mear
fen, hwent — ho briik! — wy leare eltse kear efterüt
inpleats fen foarderingen to meitsen. En dat for greate
minsken! — is \'t net in skrik ? It leit him minder oan
de skoalbern as wol oan de masters , de lésten wis to folie
op hjar kriichskinde fortrouwende habbe hjar les net
goedernöch instudearre en jouwe forkearde kommando\'s.
It barde tominsten, dat üs ljutenant in kommando fen
üs divisie-kommandant for ünütfierber forklearre, en —
it wier ek sa — wy moasten sherstelle." Us sersjanten
bigriepen de kommando\'s ek lang allegearre net goed,
wy gingen sims in hiel forkearde kant üt en wierne wit
-ocr page 23-
19
ho fier fea elkoar óf, as wy in »gesloten colonne" oprukke
moasten.
Dat üs kommandant de divel wol ris efkes inkrige as
hy seach, hwet forkearde ütwirking sin bifel soms die,
dat is fen sels. »Blijf dan toch tenminste staan," sei hy
nidich tsjin in sersjant, dy üs in forkearde biweginge
meitse liet, en as in trouwe ütfierder fen sin masters
bifel kommandearre dy sersjant earst süntsjes mar letter
mei in forse stimme : «Staan blijve !" Ik lean nou oars,
dat dat in hiel nymoadrich kommando is; ik hab tomin-
sten net witten, dat »staan blijve" in «militair commando"
is. — Den prottelen en ftokten üs learmasters elkoarren
üt, just net sa hiel lüd, mar dochs sa düdlik, dat de
manskippen it wol forstean koene, dat it in aerd hie,
wilst de skutters hjar ta de teannen üt formakken en it
laitsen der ta diene.
Nou tinkt my, dat as de boppenmaster altiid mei de
ündermasters en kwekelingen oer heap leit en hja ien it
selde ding op forskate menearen ütlizze en forklearje, dat
de bern den hjar sels öfFreegje raoatte: »hwa het nou ge-
lik — hy dy ja seit of ne? En den kin it wol net oars,
tinkt my, of dy bern moatte ta it bislüt komme : »hja
witte der allegearre neat fen" en forlieze sadwaende it
respect, dat sa breanedich is, scille de lessen fruchtjaen.
Sa \'t ik heard hab, wolle der fen üs superieuren rin-
tenierje, dat wol sizze, hja habbe of wolle hjar ontslach
oanfreegje. Of dat wier is wit ik net, ik as skutter bi-
moei my net sa folie mei de saken, dy min masters
allinne oangeane — it past in feint net om altiid de noas
in sin hearskip sin spillen to stekken, — mar it scil
my dochs binye hwet der fen oan is. Om min part leine
hja allegearre de foarke del — den hiene wy ek healjoun,
-ocr page 24-
20
hwent fen sels — as der gjin oanfierders binne, den for-
fait it leger ek. Jonge, jonge! h wet scoe dat in oer-
winninge wêze, as de mare troch üs lantsje klonk: »de
Ljonwerter skuttery is ófskaft, omdat nimmen officier —
kaptein of majoar wirde wol."
En as hja ek ris hearre koene, ho de skutters faek
oer hjar praetten — lang net altiid op in priisjende
menear — den scoe mannichien ek in him sels sizze:
jik freegje min untslach — ik forpof it langer om troch
min meiboargers ütlake en bipraet to wirden en dat alles
to wille fen dy skuttery.
En den scoe ik as ienfaldich skutter him wol de han
drukke wolle en sizze: »jou habbe gelik, minhear! jou
binne op de rjuchte wei — mocht jou foarbild neifolginge
fine, den koene wy mei gauwens sjonge:
»Wy ha as bern gjin masters mear,
Nou slüte wy de skoalle;
Oan kant de sabel en \'t gewear
It glêdde pak forroalle.
Klonk sa troch hiel it lün \'t bifel:
«Soldaten — liz de wapens del!"
vu.
Forline moandei de 5e fen disse moanne moasten wy
üs 5e lanreiske meitse, mar de moarns reinde it en do
habbe us superieuren bisletten, om de manskippen, en
müglik ek hjar sels, mar net oan it gefaer fen as salt-
mantsjes wei to ranen of hjar in kjeldskipery op de hals
to heljen bleat to stellen, en de reade Hachjes op de ny-
toer joegen us it teiken, dat de reis in wike ütsteld wier.
-ocr page 25-
21
Der wieme ek skutters dy mienden, dat de eksersitie tit-
steld wier, omdat der in bolte skutters en ek superieuren
hjar skoen by de makker hiene, troch dat bja de hakken
der in de moaye dagen ünderwei boksele hiene; en dy
nou hwet lang ütbleauwen, müglik omdat de skoenlap-
pers de Ljouwerter merke yet net alhiel üt de lea wier.
En in skutter, mar bynammen de oanfierders fen it
spil, moatte op fikse hakken stean, dat liket folie kearel-
haftiger, oars net?
De neimiddeis waerd it thige moai waer, mar do wier
it to let om it to foroarjen. Jister scoe it den wêze.
De loft gniisde üs al hwet swart oan, mar üs oanfierders
woene hjar wis net op ny troch de natür by de noas
pakke litte, alteas de foarstelling ging troch. Mar nou
skinde memke natür doch yet ris efkes teane to wollen,
dat hja üs en üs mearderen wol op üs forguld pakje
speye doarst, hwent do de lange rigle skutters de trom-
men en muzik efterneibongele (it is hwet in raer wird
»efterneibongeljen", mar ik scoe jimme ünwierheid for-
telle, as ik skreau smarsjearen"), om nei it lan to gean,
bigün it ferm to reinen. Do wy ïn it lan oankamen, röp
de kommandant sin officieren by him, om to birieslagjen,
ef wy trochskutterje scoene ef net, mar sjuch! dér
kaem de sinne wer troch de wolkjes klpjen — en dat
joech moed; de kommando\'s klonken mei gauwens oer
it fjild.
De kommandant joech üs ljutenant bifel om net to
folie in it gérs om to marsjearen, wis omdat hy bang
wier dat er skutters mei skoensoallen fen tsiiskoarsten ef
pompier by wierne. Al wier dit nou ek gjin bifel fen
«militaire gehardheid" kristelik en minskelik wier it dochs,
oars net?
-ocr page 26-
22
Fen it eksersearjen kaem net bjustere folie. Under
allen moasten wy ek »Carré formeren." By disse «ma-
noeuvre" meitse de skutters in fjouwerkant en komme
mei it front (it foarein) nei buten to stean, wilst deoan-
fierders der fen binnen In komme to stean en hjar efter
de skutters forskülje. Ien fen üs seksiekommandanten
like it sa \'t sklnt to kweajongeshaftich ta, om efter in
brede skuttersrêch biside to krüpen, alteas hy bleau bu-
ten it »Carré" eu earst do de skutters him seine, dat hy
him net sa ünnedich oan de sabeare koegels bleatstelle
moast en dat hy in bispritsen plak fen binnen ïn de
skutters-rêch tinte hie, stapte hy ek in de omheininge.
By in oare kompany roun it spil alhiel In de bulten,
hwent troch in forkeard kommando formearden hja in Z
In pleats fen in fijouwerkant (dat is wel geen ongeluk,
maar \'t hindert je toch). Gelokkich , dat it mar sabeare
boartsjen wier, oars hie it raer foar de hearen komme
kind.
Min bürman sei, dat de Ljouwerter militaire-aep der
gjin kans op sjoen hie, om fen de Ljouwerter skutters
fatsoenlike kriichsljue to meitsen; hja wierne al to folie
oergroeid, hie hy sein In sin apetael, en as it den net
goed ging, seine de minsken tominsten dat it in »ape-
spil" wier. Dêrom woe hy mar ljeaver »merkegenerael"
bliuwe.
Dat lltse aepke hie it müglik wol ris probearje wollen,
mar dy wier to Hts — en to gefaerlik, — dy koe de
manskippen de eagen wol ris ütsjitte as \'t him net nei \'t
sin ging, lik as hy op de Ljouwerter merke in jonge it
each ütpikt het. Ik draeide min bürman de rêch ta, <—
hy makke sokke rare forgelikingen, dat it my al to mal
gmg-
-ocr page 27-
23
Us weromreis ging lans de Grêftswal en de Tünen.
Hwerom scoene wy dat lange ein to rinnen habbe? —
frege ik min «wapenbroeder" oan de oare kant. Omtwa
redens andere hy; foarearst om ek oan de oare kant fen
de stêd sjen to litten, dat in Ljouwerter skutter om waer
noch win jout, en in de twadde pleats, om oan famllje
en bikenden to teanen, dat in skutter folie better en
fermer marsjeart op stevige skoen mei fikse hakken der
ünder, as op hoasfoetlingen lik as in olifant.
VIII.
Wy binne thüs en for goed thüs, hwent wy habbe
hioed üs léste simmerreis makke. Om healwei fiven moas-
ten wy «aantreden" en healwei achten klonk it ljeaiiike
«ingerukt" us in de earen. Us «superieuren" habbe üs
net ienris bitanke for al üs moeite en wy habbe hjarren
dêrom ek net bitanke for hjar learsomme lessen in de
edele skutterskinst. Fen de eksersitie, it gebosel nei it
lan ta en in it lan scil ik jimme mar neat sizze, ik scoe
den ald nys fortelle moatte. Allinne wol ik jimme meidiele
dat wy in oare divisie-kommandant hiene by üs fierde
company, in kearel, dy sin bidroefd bitsje kennisse fen
it skutteryfak skinde forblomje to wollen troch allerhanne
laffe en neat om de hakken habbende oanmerkingen. As
hy ris hearre kind hie, hwet ljeafiike bynammen en
earetitels de manskippen him joegen, den hie hy him
wis de fraech dwaen moatten: «binne dy skutters alle-
gearre sa ünrjuchtfeardich in hjar bioardieling ef meitse
ik my sels troch min laffe neatbitsjuttende praetsjes ta
sa\'n minne kearel ? En ik siz mei alle skutters, dat sokke
mannen hiel geskikt binne, om de ünwilligens en de
-ocr page 28-
24
öfkear fen de skuttery yet greater to meitsen. Hy skint
to mienen, as hear en master oer in troep slaven to ge-
bieden , en forjit, dat wy allegearre boargers mei elkoar
binne, hy allike goed as wy.",
Ien fen de skutters miende , dat it jammer wier, dat
de deastraffe öfskaft wier: hy hie in geschikt man west
for stedsboal, woe hy habbe.
En nou, achte lezers fen it Fryske Folksbled, is üs
skutterslyen for dit jier lokkich üt, en freegje ik jimme
op it hert ou: »Habbe jimme nou net in heech tinkbild
fen de Ljouwerter skuttery krige, moatte jimme net de
hoed for üs ofnimme ? Nei it jinge ik jimme sa meidield
hab (en ik hab jimme de suvere wierheid skreaun) , moatte
jimme den net forwachtsje, dat, as it üngelok al ris woe
dat üs hts lantsje mei in oar rik oan it bakkeleyen kaem,
dat wy skutters den in earepleats in de rangen for it
goede rjucht en de fryheid fen it heitelan innimme scoene ?
Ef scoene jimme tinke dat wy neat mear mans binne
as in like greate heap folk mei heafoarken en kneppels?
As jimme üs ris eksersearjen seagen, den scoene jimme
wis laeitsje, de skouders oplüke, mei de holle skodsje en
sizze: »better neat as sa I" En hy het gelik, dy sa sprekt
Us skuttery (net allinne hjir, mar in de measte stedden)
is sa\'n great ünding, sa\'n forteaninge dy gjin heale cint
om \'e hakken hat, dat it in griis is, dat der jild for
ütjown en de kostlike tiid oan forgriemd wirdt. Us mear-
deren, fen de korporael ou oan de majoor ta, witte for
in graet diel gjin bit fen de eksersitie en itjinge fier-
der oan it kriichsfak forboun is, ou. Oan hjar pakje en
lange degen kin min sjin, dat hja hwet mear binne as
platskutter, mar as min allinne op de kennisse fen it fak
ófgean scoe, mochten follen ünder hjarren wol »ünder-
-ocr page 29-
25
platskutters" neamd wirde. En gjin wünder ek, hwent
it is hjar fak net, hja dogge it mear for de aerdichheid
en as hja officier binne, hoeve hja gjin skutter to wezen.
It wier better, dat de regearring de hele skuttory öfskaf-
te, mar wol min dy al bihalde , lit hja der den ek hwet
goeds fen meitse. Litte hja korporaels, sersjanten, offi-
cieren , ens. ut it leger by de skuttory oanstelle; minsken
dy ünöfhankelik fen de maetskippy binne (in in sikere
sin altiid , hwent hja binne de in bidroefd bitsje dwaen-
de «jure kostgangers fen it folk) en dy dos net hoeve to
freegjen: »is dy ef dy skutter sims ek in klant fen mines?"
mar mei strangheid to wirk gean kiune, omdat hja fry
tinke meye: »ef jimme heech ef leech springe, ünderhalde
moatte jimme üs doch." Den kin der yet hwet goeds fen
de skuttery komme, hwent it leit him net oan snet ken-
nen" mar »net wollen" troch minne lessen. Lit it Mn
dy «supérieuren" dêrfor bitelje (op jild komt it by de
moardenarykinst dochs net oan), hja koene den allicht üt
dy fortsjinsten winters ris koal mei ierdappels ite, mei
in klobbe sskutteryspek" der in, hwet in hiele bulte fen
hjarren nou wol ris de noas foarbydraeye scil, en koene
wy in de simmer lit sa\'n stevige mage mooglik ek in
kreftich kommando forwachtsje. Mar as it nou doch net
op jild oankomt in dy saken, hwerom den de restende
skuttery ek net oan it gewear to setten ? Is it net ün-
rjuchtfeardich, dat wy in de stêd jild (de skutters moatte
hjar sels in pak for in 50 goune oanskaffe, hja wirde
dêrta twongen) en tiid opofFerje matte, wilst dy op it
lan en in de doarpen der fry fen binne? As dy den
tominsten mei elkoar üs skutteryklean bitellen en wy
eksersearren, den die elk der hwet ta en mocht it yet
sahwet binne bruye. Mar de iene ünderdaen for ezel
-ocr page 30-
\'26
drave to litten, wilst de oare as hear op it kret sit en
op de keap ta yet laket om de bokkesprongen fen itezel,
dat is ünrjuchtfeardich , siz ik.
It komt my hjirby altiid in \'t sin fen dy boer , dy
twa scannen Ine, dy beide ut fryen gongen. De iene
(heite popke) sette sneinneimiddeis, as hy üt fryen scoe,
sin efterwirk op de moaye grouwe brüne rüri, en heit
joech him sels jild mei for de tolbikken en in bealfleske
scrême de rosé", wilst de oare (heit sin wriuwpeal) nei
sin jounpiseleryplak bokselje koe, net allinne — mar sels
sin eigen skoen bitelje moast.
Ik hab just net bjustere folie winsken (dat jout dochs
gjin bit), mar ien winsk wol ik jimme dochs ef kes mei-
diele.
Sjuch! ik woe graech, dat ik it yette bilibje mocht,
dat alle lannen fen Europa hjar legers ófskaften — sol-
daten — skutters — de hiele troep! As ik den min
alde «wapenbroeders" dêrnei hjir boppe ris oantreffe mocht,
den scoe min earste f o ars tel wêze: «Kameraet! lit us üt
de harsenpannen fen us forsleine (?) fyannen in fikse slok
drinke op de foarutgong fen it minskdom — hja habbe
de soldatery ófskaft, dos frede op ierde" ! Mar hjiroer
in in oare brief.
IX.
Oan it slot fen min léste skuttersbrief skreau ik, dat ik
it yet graech scoe bilibje wolle, dat alle lannen fen Europe
hjar legers ófskaften. As ik den min alde «wapenbroe-
ders" dêrnei hjir boppe ris oantreffe mocht, scoe min
earste foarstel wêze : . «Kameraet! lit lis üt de harsen-
pannen fen üs forsleine fyannen in fixe slok drinke op
-ocr page 31-
27
de foarütgong fen it minskdom — hja habbe de soldatery
öfskaft, dos frede op ierde! Ik hab do ek forspritsen,
om der letter ris in wirdtsje oer skriuwe to scillen. Do
ik nou it Frysk Folksbled fen de 23 Maert in hannen
krige, lies ik der ünder allen in stik in fen »Eomke."
Ja Bomke! jo rik ik jerne de ban! Jou habbe wol
gelik — it is tsjinwirdich in minne tiid — in tige minne
tiid for hast alle stannen in de maetskippy. De ütjeften
binne by in hele bul te minsken lang net in oerienstim-
ming mei de üntfangsten en as mannich net in fixe reef
in \'t seil docht, den kin it net ütbliuwe ef it wirdt yet
folie minder as it nou al is. De riken sitte for de greatste
part djip in de skild, de boaijem fen de schatkiste gniist
de jildministers spookhaftig oan; der moat mear jild
komme — knappe koppen moatte al wer nije bilêstingen
ütpraktisearje en it earme folts — al blinkt ek de boaijem
fen hjar eigen skatkiste hjar tomiette — it earme folts
moat al wer djipper in de büse taeste en hjar sur for-
tsjinne pinningen op it alter fen it heitelan offerje; in-
pleats dat er alles in it wirk steld wirdt, dat hjar mei
de mindere üntfangsten en fortsjinsten ek de lésten for-
lichte wirde.
O I njuggentsiende ieu I — ieu fen forütgong en bi-
skavinge — dou wirdste priisge, romme, troch dichters
bisongen, mar üs neiteam scil fen dy sizze, datstou in
in hele bulte dingen in appel wierste, mei moaije reade
bliere wankjes , mar fen binnen troch rüpen fornield en
tofretten. Ja! wier is it, dat de léste tiden rik — hiel
rik binne oan ütfiningen, dat min in \'n hiele bulte
dingen de forütgong mei de finger wol oanwize kin. En
dat moat ek wol — dat kin net oars, tiden en omstan-
nichheden bringe it mei; de foarütgang is in machtige
-ocr page 32-
28
stream, dy sa êld as de ierde is, bistien hat en troch
gjin domperskreft ea to kearen wêze scil. Mar üs njug-
genstiende ieu hat ek wol goed hjar skaedside. It bi-
skaefde Europa wirdt freeslik tamtearre troch oarloggen—
it bloed fen tüzenen en yet ris tüzenen kreftige mannen,
meast in de bloeitiid fen hjar libben, wirdt opoffere oan
«nationale eer (?)", ünfordraechsumheid ef earsjuchte fen
keningen en foarsten tsjin en ünder elkoar. De kranten
binne alle dagen opfold mei moardtidingen. En as hiene
de lannen fen Europa yet net genóch mei en tsjin elkoar
to dwaen , sa wirdt hjar geskut sels nei oare wralddielen
oerplante, om dêr ünder de wilden, dy op de frijheit
fen hjar groun allike folie priis stelle, fornielinge en dea
to forsprieden.
Ho folie üngelok bringt dy heislike oarloch al net to
wei, net allinne for it eagenblik, mar ek for de opfolg-
jende jierren.
Ho mannich alder bitruret buten it forlies meiskien
fen sin bisittingen, de dea fen sin soan of soannen; ho
mannich earm minske forlear in hjar kreftige soune
jonge — hjar hertlap — hjar alles — hjar hope en
treast — en faek meiien hjar kostwinder, ho mannich
jong wif ke wachtet mei eangstme en in bange forwach-
tinge op tidinge fen him, mei hwa hja mi il ik earst foar
koarte tiid troch it houwelik forboun waerd en kwint
langsum wei as in blom, dy net mear troch it sinneljocht
bistriele wirdt, nou bjar einlings de freeslike tinge in
de earen klinkt — dat er net mear ünder de libbenen is.
Earme — earme minsken ! — ik kin \'t my best bigripe,
ho it jiinme to moede west het en wéze scil, as de
libbenstrie fen jimme lieafstc — fen jimme greatste skat,
troch it fornieljende moardtuch forbritsen waerd. Jimme
-ocr page 33-
29
forlearen folie , mar dochs net ienris safolle as hja, dy
hjar bern kreftich en soun foartgean en him mei tohoude
ef toskettene lea, sa \'t er de jierren, dy er yet to libjen
hat, as in in earme lijer aeklik slite moat, werom krije.
Frjemde, oanstekkende siiktmen, dy faek ünder de oer-
bleaunen ta oermitte fen ramp in slachtinge oanrjuchtsje,
binne fierder it gefolch der fen.
In heale ieu letter scil min yet oeral de gefolgen fen
dy minskefordilginge sjen kinne.
As der ea op de wrald in ündier bistien hat en yet
bistiet, dat it measte kwa oanrjuchtet, den is it sünder
twivel de oarloch — dat scil eltsien my tastimme. Dat
ündjier moat de wrald ut, alteas safolle mülk ünskeadlik
makke wirde, en dér is in de earste pleats nei min
insjean mar ien trochtaestend middel for — dat is —
min moat it bist in mülban omdwaen en him sadwaende
de müglikheit om to biten binimme — de soldatery moat
öfskaft wirde! — In de earste pleats scoene de miljoenen,
dy der nou oan opoftere wirde, torjuchte komme in de
bannen fen it folts , dat al fjirsten to folie oan alderhanne
bilêstingen opbringe moat — de soldaten dy in fredestiid
mei de siel ünder de earm omrinne, hjar skoandere tiid
deadsje en faek as flinke oppassende jonges ünder tsjinst
geande, as loaije, oan alle kanten in de groun bidoarae
omrinders wer thüs komme, koene hjar tiid den frij hwet
better bistelle en sadwaende scoe it dfibeld foardiel oan-
bringe. Mar it fornaemste is, dat den it bloed fen freed-
summe iverige folken net hoefde to streamen for de ear-
sjuchte fen keningen en keizers ef for de faek neatbitsjut-
tende en mispleatste «nationale eer," hwent as der gjin
legers wieme, koe min ek net oarlogje — dat stiet as
in peal boppe wetter!
-ocr page 34-
30
«Gelegenheid baart genegenheid," seit in hollansk
sprekwird. In kening, dy oer in great leger to beschik-
ken hat, scil earder oarloch siikje, as ien dydatnethat.
De limnen dy in frede libje, libje in in «wapene frede."
Alles liket by it»militairisme" binefter stean to moatten;
lansrejinten forskine by «officieele gelegenheden," net
klaeid as freedsumme boargers mei in «zwarte rok," né!
de «militair" strielit yen by de earste eachopslach üt de
blinkende knopen tomiette — greate legers steane klear
om sa \'t liket elts eagenblik in \'t fjiïr to moatten en it
giet dêrmei as mei de moade: de iene wol net minder
wêze as de oare en sa waext it tal striders al oan en
oan , op kosten fen it folta, dat mar soargje moat, dat
it jild der for komt en dat op de keap ta hjar soannen
hjar beste kreften öfstean moat om it fjur oan \'t barnen
to halden. Lannen, dy bloeijend en rik wêze koene,
komme al djipper en djipper in de skilden, it folts wirdt
earm en untofreden en dochs leit de skild for in great
diel oan hjar sels.
Inplaets fen as üt ien müle to roppen: »wy wolle
de soldatery ófskaffe" — wy wolle , inpleats fen üs bern
for de greate moardnerskinst op to lieden, hjar oan it
wirk sette om de foarütgong en wolieart fen it lan en
de maetskippij to bifoarderjen\' inpleats fen «afgevaar-
digden" nei de keamers to stjüren , dy fen dat stelsel
ütgean, riuchtsje in üs lan sels driuwers «bonden" op,
om it kriichswêzen yet heger op to fleren, wolle hja
eltsien soldaet meitse — ófskaffing fen «remplaeanten."
Mar lokkich bisteane dy »anti-dienstvervangingbonden\'>
for fier wei it greatste diel üt minsken sünder bern, alde
«gepensioneerde" kriichsmannen, driuwers, dy oaral
«Pietsje de foarste" wèze moatte en hjar troch it op-
-ocr page 35-
31
riuchtsjen fen alderbanne dingen namme miene to meitsen,
en al sok soarte fen minsken, dy der sels neat ef net
folie mei to dwaen habbe en by hwa it »algemiene bilang"
for «persoanlik bilang" ünderdwaen moat: ljue, dy it
giet as de biddeler, dy ropt: «eigendom is diefstal,"
wol wittende, dat hy sels der dochs neat by to forliezen
hat. Fierwei it greatste diel fen it folts en wol dat diel,
hwer it \'t meast op oan komt, tinke der wis oars oer en
scoene ljeaver sjen, dat de soldotery ófskaft waerd as
dat der yet mear oan to koste lein wirdt. Né ! wy moatte
gjin forbettering fen de stridkreften, wy moatte wirkje
op öfskaffing!
En hwèrom scoe lis lantsje it leger net ófskaffe kinne ?
Scoene üs machtige bürljue üs net oanpakke doare om
it hantsjefol striders, dat wy tsjinoer hjar greate legers
stelle kinne? Né! dat scil it gefal net wéze, hja scoene
üs rik lantsje allegearre wol graech habbe wolle, mar
de iene doar net om de oare, en dêrin leit krekt üs
kreft en net in üs lits legertsje.
Nederlan is in fleskbonke, dêr trye greate hounen mei
gleane eagen op lizze to longerjen, mar as de iene der
in stap hinne docht, bigjinne de beide oaren to brommen
en sa bliuwt de bonke rêstich lizzen. Nou koe min wol
hinne gean en sette by dy fleskbonke in lits hountsje
op \'e wacht, mar min koe dat allike goed neilitte, hwent
as it dy dogen dochs om kryen to dwaen wier, scoene
hja de bonke üt freze for it litse hountsje dochs net
lizze litte! Nou sjuch I dat hountsje is üs leger! Sa goed
as dat hountsje by de fleskbonke wei koe , sa goed kinne
wy üs legertsje misse; wy bliuwe der allike sterk en
allike swak om, en it scoe in greate segen for üs lantsje
wirde ; den scoe de skiednis üs ienris as in folts oanwize,
-ocr page 36-
32
dat in greate stap op de baen fon foarütgong en biska-
vinge dien hie en scoe dj tiid jet üneinich folie romriker
for üs wêze, as do \'t us folk mei in biezem in de mest
foer, ta teiken, dat hja de sé fen fyannen süvere hiene.
Dérom minsken! mei elkoar de hannen oan \'t wirk:
stjur «afgevaardigden" nei de keamers, dy de legeröf-
skaffing tadien binne, litte bikwaeme infloedrike mannen
in boun oprjuchtsje to ofskaffing fen it leger en as den
it folts as ut ien müle de winsk to kinnen jout: »wy
wolle gjin soldatery mear!" den scil itder wis ek ienris ta
komme. Mar den ek in algemiene, kreftige iendrachtige
meiwirkinge — hwent siendracht makket macht" —
Romke en de skutter kinne it mei hjar beiden net klear
spilje.
X.
In de earste pleats scil ik sa goed mülik in andert
jaen op it skriuwen fen mynhear Z. oan Bomke en de
Skutter, Fr. Volksblad 13 April. Sjuch, minneer Z.!
jy binne it alhiel mei us iens, dat de oarloch in aonding"
is, dat it allermeaste ünheil in \'e wrald brocht het en
yet bringt. Mar ek alline dèrin kuijerje jy mei us op it
selde paedtsje, hwent jy wolle forbettering fen striidkreften
en wy wolle ofskaffing. Dat het safolle fen elkoar as
sinken en fleanen. Ik bin fen miening, dat min it ündier
»oarloch" de kop inbükje, it ünskeadelik meitse moat.
Min moat it bist fen al sin kreften biroafje, dat it
machteleas der hinne leit en net, lik as jou wolle, it
troch frisk en better foer, dat de mesters in heisliken
jild on opofferingen kostet, yet sterker en kreftiger
meitse en it just dêrtroch in staet stelle om freedsumme,
-ocr page 37-
33
iverige folken ia sin moardkloeren to forgriemen. Ik
wol jo graech tastimme, dat üs leger dér better, ja folie
better troch wirde scoe, as de »algemeene dienstplicht"
hjir infierd waerd, dat it «zedelijk gehalte" fen it leger
der ek by winne scoe, hwa scoe dat üntkinne wolle?...
mar it bliuwt by my yet altid de greate frage, ef al
dy forbetteringen en de bjuster greate opofferingen, dy
it Nederlanske folk him dêrfor scoe getreaste moatte,
wol genóch sjedden oan de dik bringe scoene, om üs
lu.nts.je dêrmei, sels tsjin oermachtige fijannen, to bi-
skermjen. Scoe üs lantsje , al hiene wy non wezentlik
in leger, dat klonk as in klok, wol in steat wêze, om
ien fen üs greate bürljue óftowarren ? Ik leau der
neat fen en to minsten net, as (lik as jy in jon skriu-
wen sizze) dy trye greate hounen meielkoar oerienkaemen,
om üs intopakken en elts in brok der fen to bihim-
meljen.
Scoe it lits hountsje de fleskbonke den ek yet tsjin dy
trye greate dogen, dy nou net tsjin elkoarren bromme
scoene, mar forstannich oerienkomd binne om mei iteach
op »better hwet as neat", hiel broederlik elts mar in stik
der fen to nimmen, fordegenje en biskermje kinne ? Né,
den alhiel end al net, scil elts sizze moatte en jou ek,
minhear Z. As min in swak en hiel licht boud hüske
het, dat mei moai stil waer wol stean bliuwe kin en
forteaninge meitse, mar dat min foarüt wol birekkenje
kin, dat omfalle moat, sa gau as der in stoartn oan-
brüzen komt, den scil nimmen sa gik wéze, om der in
om to timmerjen en der in bulte oan to koste to lizzen,—
né, min smit it ljeaver nei de groun. En dat is ek
forstannich; it scoe doch weismiten jild wêze. Sa ek mei
3
-ocr page 38-
34
üs leger! As wy dochs net tsjin oermachtige fijannen
op kinne, al sette wy üs ek noch sa to skrep en to
kear, hwet scille wy üs den sokke swiere opofferingen
en kosten getreaste. om de stien langer boppe wetter to
halden. En dat wy üs by need net steande hal de kinne»
dat stiet by my moai fêst, allike fêst, as dat in jonge
(hy mei ek noch sa goed in de fjuchterskinst bidreaun
wêze) it nea tsjin in kearel üthalde kin. Dat min
üs der earder om inpakke scoe, as wy gjin leger
hiene, leau ik ek net, hja scoene it om üs hanfol folk
net litte. Folie earder koe it üs den wol ris gean as it
swakke warleaze slachte, dat just om sin swakkens troch
de sterke, de man, üntsjoen wirdt en sels biskerme, en
scoe in üs swakkens üs Ax«/Ï sadwaende wol ris lizze kinne.
Dat de greate riken hjar legers yet net ófskaffe kinne ,
dat leau ik mei jo, dér is de appel yet net rip enöch ta.
Mar kinne wy it dêrom ek net dwaen ? Moat de iene it
om de oare litte ? Né! As ien it dwaen koe, den is it
üs lantsje, nei min wize fen sjean. En hwêrom den net?
Dat nimmen fen üs \'t graech sjean scoe , as bygeliks de
tsjütske earn sin kloeren nei üs ütstiek — binammen
wy, frije Friezen, dy altid sa for üs fryheid kampe
habbe — dat sprekt as in boek. Mar as it sa fier dochs
ienris komme mocht, den better yen in yens lot to
slakken, — den better in frede as mei geweld ; wy scoene
in it léste gefal op twa menearen oan it koarste ein lüke.
As wy lik as Z. wol, mei legerófskaffing wachtsje moatte
salang as alle folken fen Europa goed üntwikkele binne,
wachtsje dos, ont hiel Europa der rip for is, den scoe it
yet lang dürje kinne, den koe de beam dea wêze, foardat
de appel giel wirdt, en scoe der earst wol wer in nije
en yet ris in nije beam plante wirde moatte op it stoffelik
-ocr page 39-
35
oerskot fen tüzenen en miljoenen freedsumme folken, dj
de earsjuchte fen hjar foarsten mei hjar bloed bitelje
moasten.
XI
Jimme babbe de skuttor hast al forgetten, wol \'k leauwe;
it is to minsten al in hiele boart lin, dat ik it ien ef
oar meidield hab. Mar dea is hy net — né! hy libbet
yet en is tsjinwirdich libjende dea. It »hwerom" scil ik
jimme anstüns fordütse. Bat ik in de léste tiden neat
fen üs simmer-lanreiskes meidield hab, dat leit bim deroan,
dat ik bang wier »ald nijs" to fortellen, dat wol sizze
sok nijs, as ek in min foarige brieven to finen is. Ik
bie oars al in stille hope, dat ik in bettere biskrinwinge
lieuwerje kinnen hie oer üs exercities en oer de foanitgong
fen us »Superienren", mar mis hear! — \'t is altiid by
\'talde, sa min as \'t kin. It is en bliuwt in berneboar-
stersspiltsje, en dat scil ek wol net foroarje as der to
minsten net ris in kreftige han oan \'t roer komt, dy it
alde fortoarke bloed der üt tapet, om der nij, kreftich en
libben bloed for in to pompjen.
As wy nei it lan ta bongelje (elts haldt der sin eigen
pas op nei) scoe min swarre, dat der in keppel binders
de diik Uns traepje. De exercities in it lan gingen, lik
as altid, sa min as \'t mar ea kin. Gjin ien (op in in-
kelde ütsondering nei) wit der hwet fen óf, oan de kom-
mandant ta, en den kinne jimme wol bigripe ho it
tagiet, as de master mei de bern op \'e selde hichte stiet.
Laitsje moat min soms, as het min gjin laitsjen in \'t
liif, mar eigentlik scoe min flokke dat de riik der nei
stau, omdat der sa\'n tiid forgriemd wirdt, dy gjin achste-
part fen in pipermit fortüten docht.
-ocr page 40-
36
Ik scoe jimme ek sizze, hwerom ik tsjinwirdich sa rom
om \'t hert bin. — Omdat de skutter gjin skutter mear
is ! Ja frjeunen, min twa tsjinstjierren binne om, ik bin
by de «reserve" indield, ik kin op min «lauweren"
rêste. Forline moandei in wike hab ik min galge-reis
makke en snjeun de wapens inlieuwere. Jonge, jonge!
hwet bin \'k dêr mei in \'t skik! In hinstetisker, dy
in alde dimpige knol oan in healbline boer for »goed"
en for in tige stik jild óflieuwere het, kin net sa bliid
wèze as ik , dy min wapens inbringe koe. Net, dat ik
troch in blauwe bean üt de loop fen min gewear in
meiminske it libben koarter makke ha, ef dat der bloed
oan min slakkestekker klibbet, né! ik hab der altid mar
sabeare mei sketten en stitsen ; mar »gewear foart, skutter
öf\' sjuch ! dat laket my sa ta , omdat ik wrichtich net
üt nocht lid en meiwirker fen sa\'njanklazespilbin. Kinste
nou hwet fen de moardenerskinst, freegje jimme allicht ?
Né, ninsken , neat mear as do ik bigiïn ; hwent hwet ik
de earste winter in de manége (dos in de theorie) leard
hab, dat hab ik by üs simmerexercities (dos in\'e praktik)
wer forleard. Eouwich bin \'k der nou wol net om, omdat
ik der gjin eare in stel, better as immen dy gjin skutter
west het, in meiminske nei de oare wrald stjüre to
kinnen , mar it pleitet dochs net for üs skuttery-ünder-
rjucht. As in bern op skoallc forleare scoe , hwet de
alders, broers ef sisters der thüs instampt hiene, den
scoe it earste wêze: »better gjin skoalle, as sa\'n skoalle.
Sa ek mei de skuttery.
As immen in litse poppe krige het, ef der in in hüs-
gesin ien in jier alder wirden is , ef as der in pear
fiifentweintich , fjirtich ef fiftich jier oan elkoar keppele
sitte habbe, den sijüre frjeunen en migen sa\'n ien lok-
-ocr page 41-
37
winsken, bofferten, taerten , presintjes ensf. It is tsjin-
wirdich wol hwet in krappe tiid for rju minsken, in
safier treft it dos wol hwet üngelokkich, mar as der al
ris güden wêze mochten, dy my in lokwinsk, boffert,
taert, presintsje ef sahwet hinne stjüre wolle, omdat
ik Mktitter óf" bin , dy moat him der foariü net for
skamje; sin lokwinsk (in hwet foarm dy ek is) scil in
thank oannomd wirde. Stjür it den mar oan de redactie
f en it Friesch Volksblad, dy scil der den wol for soargje
wolle , dat it ünbegnibbele oan it rjuchte adres komt.
En [nou , frjeunen, farwol! Min gewear lelt der al,
nou liz ik ek de pinne del, wilst min herte jimme
thanket for it lézen fen min brieven.
■pi i ■
\'
\'
1
1
■\'