-ocr page 1-
tth Vb.top*IltJLl
D
BIBLIOTHEEK DE^ \'
\\ RIJKSUNIVERSITEIT
L
UTRECHT         •
-ocr page 2-
i\'U
«
i
-ocr page 3-
HBECH oan, en SMALBRÊGGE
NET IENRIS BISILE
IT MOAT EARST OP \'T SLIMST E ART BETTK1UE KIN!
TOANIELSTIK ÏN EEN BIDBITTW,
THEOCH DE SKRIUWER FEN
»FIOÜEft ROTTEN iN IEN F ALLE".
r —►—
HEA.RRENFEAN,
N. A. HINGST.
1873.
-ocr page 4-
PERSOANEN.
Siouke, boer.
Boutje, sin wif.
ulkie> I War dochters.
Betsjc, )
Alc, de grcatfeint.
Metten, de litsfeint.
Trin, de faem.
Sïtse, biïrman.
It stils spilet Jn \'e Simmerwente fen Siouke.
-ocr page 5-
EAKSTE TOANIEL.
Trln. (Hiu scil ien en oar op-
rêdde in
\'e simmerwente,
hwer \'t er Unster /tinne
leit.)
»\'t Is my in folkjen" sei de dïvel, »en hy hie de
kroade fol Mkkerts". As er de kroade fol frouliu hawn
hie, sa \'t wy se hjir oer \'e flier hawwe, den hied er yet
oars hwet to stollen krige. — Sioch my dat non ris
oan! Me seoe sikor net leawe kinne, dat dy wïldeboel
it wirk is fen fammen, dy \'t er hiar op foarstean litto,
dat hia sa thlge by thlge biskaefd en forlioehte binne
en jimmer do mulo fol ha fen in oar mans lek en brek,
as hieden hia sels in strielkransko fen hcilichhoid om \'e
holle. Elts moat sels witte hwet er dwaen en litte wol,
mar ik sids, dat it net ütkomt eptich en pronkmoai oer
striette to stappen en thus de boel oan \'t lot oor to
litten.
Hwet dogge hia by de boer ek mei al dat wite gerei!
\'t Is for in faem ek hwet, jimmer In sa\'n forwaeide boel
om te tlsen. Mar Trln fortsjinnet in thlge heeoh loan,
dy mei der ek wol thlge hwet for dwaen. Sa seit de
frou, en sa sidze hiar greate dochters. Dy lüke mei elkoar
ien line. As hia it skip mei de tid yet ris op \'e wal
lüke, scoe \'t my neat ny dwaen. Dor binne wol greater
wünders bard.
As wieren \'t prinsessen fen \'t allerheechsto skaei, den
hoefde it net briker.
Dat leit moarns op sin best ont acht ure ta In \'t
nest. Den komme do jiffors foar \'t liocht. Earst in
ure oardeheal klaye en mei \'t hier ommüsjo, hwent do oar-
-ocr page 6-
4
ïsors dy binno for goed öfthanke, den in swiet kopke
thé mei in stikje plpkenielbóllo en einliks oan \'t skrep-
pen ïn \'e inoadeprinten ef mei de naeimackines oan \'t
knoeyen. Alles oeral helje en noat üt \'e wei sette. Mid-
deis fen sels let ite, dat is op sin greatelius, en tsjin\'e
jünd op \'o fiitter ef nei kranskes en bisiten om as \'t
hwet wierret yet ris in jonge hear op to düken, dy
\'t sa biskaefd is, dat er om midsnacht mei hiar throch
de tsinstere leantsjes op hüs ta swalket. Sa giet it as
wy hjir oan bus to minste gjin oansetten ha. En den
wit elts wol, ho let as \'t is.
Der is by de boer wol oars hwet to forstriken as
printsjeknippe en flinterflappe.
TWADE TOANIEL.
Trin, Metten en Ale.
(De beide leste binne in hiar
wirhpalcje fen \'t Idnd komd.)
Ale.
Nou yette de kofje net ré? \'t Is al by healwei fïvcn.
Piere folk is al lang in \'e jister. Hia kinne dien, as wy
to set komme.
Metten.
Dy frouliu ha \'t tsjinwirdich fierst to drok mei de moayo
klean, moast thinke. \'t Giet tsjin \'e merke, en den wol
me ek al lieafsL hwet keapsioch w6se. Oars hat me al-
heel gjin kans. Der komme safolle.
Trin.
Hald dou din snetter, smoarge jonge! Pas üt \'e dop
en \'t heechste wird!
-ocr page 7-
5
Witste hwet, Ale, jimmo mattojimme sols mar sieanto
röddcn. Ik ha hjir de handen al mear as fol.....
Metten.
\'t Liket er oars mear nei datst\' de mule fol hasto.
Trln.
Don bist my gjin praet wirdich.
Metten.
Den halde ik my lieaver mar deastil, Nlnke, as ik dy
wier.
Ale.
Hald mar op f en iggewearjen, \'t kin sa woL Dat sit
elkoar mar altid In \'e kaem; \'k woe dy wïser ha, Trln.
Sids my lieaver ho \'t komt mei \'t melken.
Trln.
Ho \'t komt mei \'t melken? Dat kenste siean! Ik
kom jünd net In \'ejister, dat kin \'k dywol fortclle. Dor
mat yette reamme wirdo en allegearre. En do frou. is
op bisite nei Dominyp. Dat scil net ier wirdo. Oars
moast er ek nodieh tsjerne wirde. \'t Molken is al lang
run. \'t Tsjlsjon dat mat ok mar oerbliuwe. Smit do
malke mar wer In \'o tonne for de bargen en kcallcn.
Moarn is se doch sür.
Ale.
Kin dat den sa?
Trln.
As it sa kin, dat skeelt my net, mar ik sids. dat it
sa moat.
-ocr page 8-
6
Ale.
Dou kinste wol hwet prate.
Trln.
Lit my don mar prate, den kinstou it om min part
wol dwaen. Wolstou lieaver In min plak, den kinstou
mar reamje en dwaen, op \'t iten en drinken passé en
alles foar elkoar stelle. Hawar, don scil ik it land,
wol mei In. Om \'o jierren hoefste dy net to skamjen.
Letter kin \'t dy mülk to pas komme. Komoan, don kin-
stou hjir mar in \'o hüs tliuwe. Of woeste it hüs mar
leech stean litte?
Ale.
Dat is mar gikkepraet. Hwer binne Ulk en Bot? Lit
er ien fen hiarren reamje en op \'e doar passo, don kin-
stou de malke onderwilen ütbringo en yet in torntsjo
In \'ejistor kommo; of as er ien fen hiarren mei melke wol,
dat is my ek goed.
Trin.
Dy fronlin, dat witsto wol, dy skrikke al as se mar
fen in kou praten hjorre. Dör moatsto mar net op tldjo.
Dy binne ris for in inkolde kear op \'t kranske. Dör
kinste it siean. (Hiu wist yet op Mr utteine spillen, dy \'t
er throck enoar Udze).
Dat wirth op sin best midsnacht,
ear\'t dy wer op hüs tasetton komme.
Ale.
En do boer den?
Trln.
Do boer scil wol thinko, dat or doch gjin smiten mei
do mütse nei is. Hy hat ek wol gelik; ik fordyde it
ok. Sin grcate bcrn laeitsje him ta ut, as er mei jok en
-ocr page 9-
7
amers it land lïttrapot. Dat is hiar to gemien, witste?
En den is \'t al fier komd, dat sids ik!
Metten.
Ik woe dat \'t sa fier mar kaem, datste my ris sciste hwer
\'t do breabak en \'e tsjisnappo steane. den seil \'k my
sels wol rödde.
Trln.
Dy steane op \'t filde plak ïn \'e fiürlierno. (Mettan giet.)
Witste Ale, hwot plan as ik ha. \'k Nim skielk de
sile op \'e hakken en \'k strik er üt. \'t Is sa gjin lib-
ben. \'k Ha ek twa jier by Nannes wenne. Dör laei \'t
land heel hwet oars. Dor pakte elts mei oan. Moarns
fiower üre, tid op, d\' icne sawol as d\' oare. Tsien üre
moarns oan \'o kofjo, toalf üro middei on jünds acht üre
to koai. Dör hie me yct ris in eagenblikje lins, omjins
stikken goed ris hwet op to knappen. Mar hjir....
Ale.
Hjir is \'t ek heel yct wol üt to halden. Don kinste
de sile wol op \'c hakken nimmc, mar dêrmoi is \'tsiker
net wun. Hwer findsto sa\'n boste boor for sin folk, as
wy hjir ha?
Trln.
Do boer dör ha \'k neat tsjin. Mar der leit üs mear
oan \'e fron gelegen. Witst\' dat wol?
Ale.
Dat scil wol sa wöso. Mar arbeidje dat moatste doch
oeral. En ha wy it hjir net goed fen iten en drinkon?
Trin.
Goed fen iten en drinken, dör kom ik net op, al wit
-ocr page 10-
8
ik dOrom wol dat de froa en hiar \'t wol hclte botter ha.
Mar sioch, dat is hiar saok. Dat ik it net moai find, efter
\'o hand aldorhande swietekou to iten, dat is n saek.
Don bigrlpst my wol.
Ale.
Ik bigrlp dy thïge skoan. Mar dou mast el: ris bi-
gripe, dat er oeral en 5n eltse libbenstand folie to winskjen
oorblinwt. As \'t hjir alles to wrald sa wier, dat elts it
nei s5n bijearren hio, den koe \'t brcidjen ek mar for goed
dellein wirde. Den Lieden wy hier dien. Foar en alear
aste der net fcn oertsiügo biste, scilste hjir gjin fredo mei
dy sols ha. (Metten komt in.)
Metten.
Komste non, Ale; \'t spil is ré, hjer!
Trln.
Doch efkes tld, Metten. Aio bigjint to sedepreekjen;
dat hajy mei dy alde bidaerde feinten as se hiar oan \'t
swiet fen de jonge jierren ba iten ha.
Metten (Moppet Ah op \'t slcouder.)
Dou meisto oars yet wol ris in swiet bekje, n\'t Ale?
Dat witte voy wol. En Jolle faem dy wit it ek! (Alegiet
stil Jiinne.)
Trln (him nei.)
Jollo faem! Aste it der fön ha moatste, Ale, meiste ek
wol nei tsinster moanne winskje.
Metten (gilcoanstelckend tsjin Trin.)
Nou, sa sniündtojünds, as er nei bürren giot to skea-
ren, kin \'t ek wol aerdich donker wöse.
-ocr page 11-
9
THRÊDDE TOANIEL.
T rin allinne.
Alttd foart en noa by honk,
Jimmer in \'e moaisto pronk,
En Roasje sorgje litte!
Dat \'s it stribjon hiocd do dei,
\'n Fliuchst de greate licap net nei,
Den blinwst allinne sitten.
Kom mar heel foarnaemfoar \'t lioeht,
Sa \'t me ïn hboger Tering dat siocht,
En lit dln groatmo skino;
Al gean\' do saken thüs net riucht,
As \'t dör al In it hündord flincht,
Och, né, dat siean nin blinden.
Mar \'t giet hir as mlnhear f en Honk,
Dy troudo lest mei jiffer Pronk,
Elts thocht in aep to fïndon!
Mar do \'t de rruchte aep ris kaom,
Och lieavo sei! do fünd do faem
Dea müson foar do spindo.
Nou bin ik warempel yet alliko fier as strak, \'t Scoo
yen sikor bigjinne in to barnen. Hawar, in slach mei
do Pransko swipo er oor. (Hia set ien en oar rimpen to-
riuchte, pakt handich in siou kleanspiüen by elkoar en giet
siongende nei efteren).
FIERDE TOANIEL.
Sionke.
\'k Ha\'t wol thocht, dat it wor sa ütkomri scoo. Gjin
/
-ocr page 12-
10
ien fen \'e feinten yet In \'t land en wer ninunen fen \'e
frouliu thüs. \'t Is ef it net op kin. En och, as hia ris
heal wisten, ho de forke hjir In \'e stalie sit........,
(Rqpt Trln!)
FïFTE TOANIEL.
Sionke en Trln.
Trln.
Hwet is er boer?
Sionke.
Hwer sitto de manliu?
Trln.
Dy steane klear nei \'t land.
Sionke.
En de fronlin? Hwer is min wlf?
Trln.
Dy is nei Dominys jiflrou op bisite.
Sionke.
En Ulk en Bet, hwer binne dy?
Trln.
Dy binne nei Slbo Griet.
Sionke.
Hwet scoe dêr wer oan \'e hand wêse?
Trln.
Wit jy net? Griet hat jister ek sa \'n ding thns krige,
lik as wy In \'e foarkoamor ha.
-ocr page 13-
11
Sioake.
Ho \'n ding?
Trln.
Sa\'n piaonding, dör so don sa op om tingelingjo. Hwer
\'t Ulk den wol foar sit to flljen.
Sioake (in Mm Bete).
Kom, den kin Slbo non ek ris op \'e hichte fen \'o
tld komme. \'t Scoe him oars foardieligor wöso, as er In
pleats mar ien fen sin beste ky forspilo hie. Den wier
\'t ünk to minsten oor to siean. (Tsjin Trin op in.
stellige toan).
Don gietsto dalik nei Slbes en soisto
dat do fronlin in ia ten thüs komme. Sids dat ut nammo
fen myt — Mei dat solde boadskip kinsto ek nei Do-
minys gean.
Trln.
Jonge boer, dat scil net gean. Dy bisite by Dominys
is yet lang net öfrun.
Sionke.
Dat skeelt net. Lit Bonk er den in ein oan meitsjo.
Jiffrou scil in elts gefal wol mei \'t boadskip Innomd
wöse, dörthroch hat hiu to minsten kans, dat de oaren
ek foar midsnacbt ófdrosse.
Trln.
\'t Is ray bost, mar ef de frou dor ek sa oer thinko scil,
scoe \'k wol bitwlvelje. (Fen siden): Hwet ik dör fen
thinke moat? As er nou ek mar gjin ünwaer brooit.
-ocr page 14-
12
SECHSTE TOANIEL.
\' S i o u k e allinne.
Hwet scoe \'k in boppest besten wOse; hwct scoeden min
wif en bem folie meimy op krye, as ik woe, sa \'t hia
wolle. \'k Moast brekke mei alles hwet \'k fen min from-
mo, froede foaralden ha. \'k Moast it nye liocht hildigje,
en al it frjemdo, dat hjir In \'e hüs goartoage wirth mei
folio ophef biwünderjo. For eltse nye japon fen min
greatc dochters mast ik de handen fen fornoeyinge In ien
slaen, for eltse krol jimmer „n in swiet glimke hawwe.
Hiar knappens, hiar moayen: en hiar leardens mast ik
oeral breecf ütmjitte ^n freeüa fen Liowerd steoa in wcin
fol fen \'t allemymc Irichste güd mei bringe. Sels mast
ik my klaye en foj,rdwaon, as man fen heger komöf.
Mei de Rozenburgers mast ik omgean. Mei do Solkema\'s
my allïk stelle. Oeral foaroan en mei by wêse. En
lieaver scoe \'n se yette siean, dat ik do hiele boerkery
mar oan kant die en in bütentsje ünder \'e stCd oankoft.
To arbeidjen for de kost, der stlket In üs tld sa min
care In, dat me mar lieaver nei \'t 1\'ry Amearika oer-
stekt, as \'t ienkear safier komd is, dat me de handen
oan \'e pjoech slaen moat..........O, bernl (Ily kryt
, de flesse ut de least, skinkt Mm in bittertsje in en hultli in
romer fol four \'t liocht.)
Dat is faek de leste tafiiucht
for in minske, \'hwer \'t er sin treaste In sïket, as er foar
\'t leste anker leit. \'t Smakket sa swiet, omdat it for
tïd on wile do sorgen fen \'t herte spielt on de holle
fen tswierrichhoden üntlestget. Sa is \'t ek to forklearjon,
dat er safolle achtbro minsken sels lok en libbon Skie-
d un ta\'n offer bringe, en mei min dy altid foroardiele on
1 dfalle?.......(flg drinkt en skinkt op in wj in).
-ocr page 15-
13
SAUNDE TOANIEL.
Siouke, Sltse.
Sitse.
Wol bürman, dat stiet er skoan foar!
Siouke.
\'k Bin bly, dat jy ris oerkommo, Sltse. Gean sitton.
Ek in bittertsje?
Sltse.
Jonge ja, dat kin wol. Min folk koe \'t jünd thüs
wol öf. Ik thochto sa, kom, litmy mar ris nei Siouke
tatraepjo; dy fornim ik tsjinwirdich alhiel net In \'t fjild;
mülk dat er wol eat oan skeelt.
Siouke.
Ja, d6r skeelt hiel folio oan, Sltse. De frouliu binno
allegearro fen honk, en ik sïkjo min troast dör by (hi/
wist op
\'e Jlesse), en don witte jy wol, dat do sakon net
riucht goane.
Sltse.
Kom, kom, dat is sa folie sein, Siouke.
Siouke.
Né, dat is \'t net bürman. Sa\'t ik jo nis sei, sa is \'t
net ten dei, mar sa is \'t alle dagen weroan. En seoo \'t
den riucht gean? Skeelt er den net hiel folie oan?
Sltse.
Och, min goede man, as jy dörop komme wolle, dat
is to users al krekt alllk. Dat is f\'oart efdat scil foart,
011 as ik déroer krimmeneaije woo, koe \'k aHtlcl wol
-ocr page 16-
14
klear korame en scoe \'k do quael mülk yette slimmer meitsje.
Dörom lit ik it mar stiltsjes bitsiean. Ik think, it scil mei
Je jierren wol bottel\' wirdo. \'t Is hwet in oare tld, as do
\'t vvy jong wieren.
Siouke.
Dat ha jy goed, Sltse. Ik bin tominsten sa net op-
brocht. En as ik tliink oan üs mem, dat goe sloof, dy wier
al In \'e sauntieh en dóchs altid yot moarns do oarste en
jünds de leste. Der ging gjin eagenblikje tld nntteloas
forlern. Wier der al ris in liddich setsje, dat siet to
nayen, to breidjen of to spinnen, al nei \'t do tld soi.
En faken sei se den wol sa, dat hir wirge lea dat altld
lang net barre mocht. Mar hwet dogge hiar bern en
bernsbern?
Sltse.
Dy doggo oars en tsieanne lieaver it fjild ris In en
litte Roasje for \'e takomst sorgje. — Ik sids wol ris sa:
»Uwer de uiden ophdlde, der sette de bern de streek f en \'e
miet om f en ófto bigjinnen. Dat wol hjir sahwet sidse, as by-
gellks in alder tweintich thüsen güne rik is, den scille hiar
bem, hiar ïnblldje en forteane, as hieden hia elts ek oor in
tweintich thüsen güne to biskikken. Sa ken ik in
ald wethalder mei in thige krasse holle, en as jy non sin
jongos hearre, den scoeden jy slker sidze, dat binne ek
allegearre al wethalders mei \'t dübeld forstand fcn hiar
aldo. Sa bont nou faek it jonge slachte op \'t alde en
komt al heger en heger, en gjin wünder fen sels, dat er
nou en don ris ien fry ünseaft fen hoppen thrnselt. Min
wol In üs dagen mear likje as me is, mear dwaen as
me Mn en hirder foarüt as do kréften it talitte. Us
bem dy goano ek moi; dogge se it net, den bliuwe hia
efter, mindei In wearde as wol In eare en oansiean. Dat
is do tidgeast, on as wy dêr al tsjin oangeane, Siouke, it
baet üs net. It giet dêrom sin gong; en kinne wy er lor
-ocr page 17-
15
Cis gjin frede by finde, lit üs den thinke, dat er üt it
queade faker as ienkoar it goede foartkomd is, lik as de
skiednis üs dat leart.
Ik sids jo, dat it by users ek altld gjin moai waer
is. \'t Giet my faek oer \'e hege skoen hinno en den spant
it er dikers om yen altld stil to halden.
Siouke.
Ja mar, Sltse, jon ha \'t altld yet mei jonges to red-
den, mar ik mei hüshalde mei kleare froulin, en jy witte
net hwet dat In hat.
Sltse.
Think er om, min jonges wolle it ek al mei witte. Sa
gau as sokke bern grütjen hearre, dat heit en hiar er
hwet waerm In sitte, don bigjinno so to rlsen en witte
yen al ringen to sidzen, dat it wirk for de dominen is.
En praet jy fen weelde! \'t Is by nsors ek it iene ny pakjo
mar efter \'t oare en allegearro allike moadrich. \'t Is
faek net heal to\'n ein, ef it wirth er mar wer hinne smi-
ten. Dy klayingspoopen binne forgees sa tsiok en sa fet
net! — Kortlln moast er in nyo tilburry kom me, en pas
hiedon wo in ny glösen weintsje krige, lik as jy witte. De
kapsjeas wier efter \'e moade. \'t Wier hiar not mülk, der
\'t fjild mear mei In to gean. Dat koe wol for my, mar
net for hiar. Think ris ta, ho heech min bern ek al by
hiar sels opsioggo. En mei de hlnsora ek; alle klapske-
ten moat er al wer moayer en al wer better kom me, dy
al wer hirder en hirder kinne. En as jy ris wisten, hwet
büsjild as er ünder al dy bidrinwen to sik rekkot, den
scoe\'n je siker hast bang wirde for \'t skaed fen jou egen
bem. Dat fliucht mar mei de fammen nei Holland en
wit hwer earne hinne, en sids ris dat jy net to sprekken
binne, as se jo op \'e buse komme....... En och, by
mem wirde hia doch rCdden.
-ocr page 18-
1(3
S i o u k e.
Goed on wol Sitse; mar op \'e tld pakke jon jonges ek
yet ris wer flink mei oan en wollo hia de röch yet ris
In \'e bocht sette en hiar lea brüke; mar hjir dy greate
froulin: altïd allike drok mei neat dwaen. En as hia al
ris thige hiar best mei dogge, den is \'t om jo fen \'o
wal in \'e sleat to arbeidjcn. Der kin hwet ütthocht
wirdo, mear as de pong goed is, dat sids ik jo. Hwet or
hioed fornys ïn Paris is, dat hawwe wy hjir moarn oer \'e flier
en witte je wol, dat wy mar op in hiorpleats wenje en dat
de hieren heger wirde nei \'t de bern swieriger for \'t
liocht komme.........{Hy drinkt ris en slcinkt wer in).
Kom ris for in aordichheid In üs pronkkeamer. Dy
is nou for in inkelde kear oerglanse. Kortlln is er op-
ferve, alhiel In \'t wit mei forgilde randtsjcs öfset. Do
moasten er nye stoellen mei sittingen komme. Do nye
tapïtsjes en oaro kleden oer \'e flier, matten dat wier
gjin moade mear. Do oare girdinen foar de glösen, mei
sokke hakkeletakjes. Do in nymoadrigo runde tafel op
ien foet, hwer \'t hia hielo deagen op om lidzo kinne to
kliemen en to wriuwen. Nou wollo se ek yet graeeh sa\'n
chiffonière ha; do alde wol net riucht glöd en
dörby kleurt or ek net mear, don scoo \'t swart maho-
niehout wêse moatto, nei \'t hia sidzo. Den ha se yet in nye
pomplampe In \'t oach en wit hofollo oare dingen, hwer
\'t ik de nammen net ienris fen bithinke kin. \'k Hoar
wol, dat de frou faken seit: »it ione moat nei \'t oare,
oars hat it sa gjin gefallichheit." Ik liet er al op folgje,
ho \'t it den wol in \'e commode der ütsiean moast, as \'t iene
nei \'t oare scoe, mar der hie so alhiel gjin earen nei.
{Hy giet opstean.)
Kom ris mei, Sltse; den kinne jy jo sels oortsiügjo , dat
sa\'n rik in \'t boereland net bistean kin. (Hy nimt sin
glêske leec/i).
O, bürman, dat güd bigjint my sa swiet
to smeitsjen.
-ocr page 19-
17
ACHTSTE TOANIEL.
Ulkje en Betsje. (I)y op \'e luster stien ha.)
Ulkje.
Nou hast it den ris hjorre kinnen, Bet, ho \'t üs heit
oer üs thinkt. Scoe me der net ütrinne? Mo docht
dei oan dei yens bost om hwet mei emaek foar \'t liocht
to kommen en alles hwet op order en In \'e ês to halden en
den sa oer \'e hikkel helle to wirdeu? Dat is nou üs
lean. Pas fen \'t hiom, ef der wirth och en wea roppen,
dat dy bern mar altld op \'e siou hinne en neat üt \'e
wei sotte as mar pronkje on do boel opmeitsje.
Betsje.
Wito jy hwet, Ulkje. Hjir In, dór üt, sokke praetsjes. Ik
laeitsje er hwet om. As er sin nocht fen üs het, don
moat er üs it gat fen \'e doar mar wlse. Dat scil ik him
ek ris fortelle.
Ulkje.
Dat wy der ris ütgean, dör bisteano siker wol reden
for. Hwet wille hat me hjir In \'e hüs. Altld weroan,
datselde rowe gemione praet fen \'e boaden, dy \'t ründom
foaroan en mei by matte en nearne gjin bigrlp oer
hawwe. Ik skamje my faek, as er in fatsoenlik minske
binnen doarren komt, dat min dör mids Insit.
En nou de faem to stiüren : i>Jirmne heit hat sein, dat
jimme dadelih thüs komme moatte",
towile min hiel biskie-
den In in deftige kring mei oansit? Hwet mei de jon-
ge hear Sweitsema wol thinkel
Betsje.
Dy scil wol sidze: -aBetje en üïine die moeten zeker met\'
den ouwe het land in",
\'t Is oars siker net om to
-ocr page 20-
18
lacitsjcn; mar hwet scil min? Me sit ionkear In \'t skipkö
en salang as \'t driuwt, is \'t slim oan \'e wal stappen........
As wy mar troa mei nei do smoarge jister teagen en
üs mei \'t gemienc haifolk lik stelle woeden, den scoe
üs aldo wol sa blier laoitsjo. Ef as wy mei sa\'n üldwive
blawo dook om \'e holle en mei in blaudrukt of flfskaft
jak oan jimmer by de tsjerne stean woeden to polskjen,
dat scoo him ek nei \'t hert wOso. — Ik woo lieaver! As wy
moasten, Ulkje, wier \'t hwet oars, mar wy hoeve sa net. \'t Mei
üs hiel wol barre, en ik wol leawe, dat w\' er mear quea
oan dieden as goed, sa de earme wirkliu it brea ut \'e
müle to halden.
ülkje.
Dat ha jy goed. As wy \'t ris tsjin him seyen? Hy
hoeft ek sa net. Jimmer de earme arbeider ut to
hingjen, it is skande, dat \'s wier; mar hy skammet him
nou suver nearne net for. Dör warempel üs mem ek
yet it boadskip to stiüren, dat hiu in ienen thüs komme
moat.... Dat scil him sur opbrekke! Sokke frjemde nuk-
ken. Krekt as er by tiden net wis is. Ik wit to minsten
net, ho \'t er \'t in \'e holle kriget. En don der ek yette fen
to praten lidze tsjin Sitseboer, fen sels dat wy nearne
ta doge, en dat hy der oer en to folio is. Sltse kin \'t
waerm oerbringe, en \'t is krekt koarn op \'e münle for
Antsje-moai en hiar groate j onges. O Bet!
Betsje.
Antsje-moai scil wol sidze: »\'k Hat lang wol thocht,
dat Siouke gjin riochte wille In sin egen hüs hat; hy
siucht er neat fleurieh ut", en dy greate Gauke, kraeit it
fen sels de hiele walden oor, dat er oan dy Siouke frouliu
nou den suver alhiel neat is gelogen, dat hiar egen heit
it sein hat, en dat it dos ek wol wier is.
Ulkje.
Sa kin dat sleawe folk krekt. Wy kinne der mar
-ocr page 21-
19
moai mei op in sliuchte namms kommc; der binno altld
dy \'t leawe, in oarraans quea wol de liu throchgeans
wol oan, en üs meye se doch graech ris oer \'e hikkel heljc.
Ofginst wit jy, omdat se net tsjin üs ütkinno. (Sunich.)
Komme heit en hiar der net oan?
Betsje. {Hiu wol TJÏkje meiluke.)
Ja, kom mei, jn.....
Ulkje.
Ik bliuw hjir stean. Ik wol reden fen üs heit ha.
Hwet mient or wol, sin ogen bern sa üt to moitsjen! Us
sa\'n kroano op \'e holle to setten! O, Bet, it is throch
alles hinne, as me mei yens wille to rio gong den.....
Betsje.
Ei ju, meitsje jo sa lilk net. Laeitsjo der om. Kom foart
mar. Wy geano hwet In \'e sldkeamer sitton en nimmo
in glOske nyo framboasen mei in kreakelinkjo. Dat
forset de sinnen hwet. To, kom foart!
Ulkje.
Ne Bot, ik doch it net. Dat fordy ik. Yen op sa\'n
sliuchto nammo to bringen, hwer \'t de hielo wrald
skande fen sprekt; it komt sa \'t komt, ik wol der mear
fen witte. {Giet bishH.) Hjir kin ik it ris acrdich oan-
hjcrro hwet dy aldo basen yette fiordor to bikonkoljen
hawwe.
Betsje.
Ik forpof it ek, om allinno in \'e sldkeamer. Den kom
ik by dy. (Hiu giet ek biskül). Dör komme se oan, hjer!
-ocr page 22-
20
NIUGGENDE TOANIEL.
Siouke, Sitse.
Sltse.
Landhearre kin \'t net moayer ha, Sltse.
Witte jou berntsjes dat sels allegearre sa foar enoar
to stellen en ïn order to balden?
Siouke. (Oandien.)
Sels? Sels doggo se safollo net {hy knipt op \'e neil).
\'t Libbet bjir feu skroarren en moademaksters, en elts dy
mar jiffer en jiffrou spilet, kryt in earoplcats In "e
blinkende pronkkeamer, om dy to biwünderjen. Lokkich
dy \'t den mar bekjeflayo en thige beare kin. Dy \'t
breedst fen alles wit op to jaen en mar nin keochklin-
kende wirden foar de fronliu brek bat, dy wirth bjir
let en set en tathreaun, hwet \'t mültsje mar lest en \'t herte
bigearret .......
O Sitse, jy kinne \'t jo In \'e fierste fierte net bi-
gripe, ho\'n swiere sile as ik hjir to lüken ha. In hert
i\'ol sorgen en in holle fol swierrichhoden, binne \'t lean for
al min wrotten en wiermjen, dat ik jimmor dien hab.
Praet ik er tsjin min wif en bern ris oer. dat it rik
sa grcat net is as hia fortoane; dat ik it spil mei de
boste wille sa uot foar enoar halde kin, e,i dat it sa ien-
koar fóst rinne scil, den laeitsjo se my ut on piukke
my mei do fingers noi. Dêrom swy ik altid mar, mar dörom
ha \'k den ek safolle to forkropjen. \'t Docht my Indied goed,
min hert ris fry ütprate to kinnen tsjin jo as goe friünd.
Sltse.
Scoedenjy net hwet ocrdriuwo, bürman ? Jy matte ek
not to swier oer alles thinke.
Siouke.
Sids dat net, Sltse. Sids dat net. \'k Ha jierren min
-ocr page 23-
21
bost dien om do sakcn riucht to halden, om hwet foarüt
to kommen, mar \'t iene slaggo sa min as \'t oaro, sa\'n
hüshalding mei sa\'n bistiür, der wier foar my gjin bol-
wirkjen tsjin. \'k Ha jimmer hope op botter tlden, mar
dy hope is nou forflein, de mood my binomd; \'k lit de
handen slop hingje, \'t spil driuwe sa \'t driuwt en slkje
min heil on treast dêr by. (Ily wist op \'e flesse.) Sa fier
is \'t komd. Alear wieren \'t switdrippen, dy \'t ik falie
liet for min hüshalding, mar tsjinwirdich binne \'tfaek
bittere triennen.
Sits e. (Mei klim.)
Wel Siouke, stiet dat sa!! Is \'t safier komd?
Siouke. (Oandien.)
Ja, it is yette fierder komd, bürrnan. As ik al min skil-
den bitclje en elts lik en riucht dwaon scil, den ha \'k gjin
cintmear to wrald; den bin ik dea-earm, Sltse, en hwet den?
S 11 s o. (tige forheard.)
Dör wird ik sikor kjel fon! Jon dea-earm? Dat kin\'net; dat
1 is net to thinken. Kom, kom, jou hawwe doch fry hwet
egen land en derby in boerkery, dy jy siker not leech
hoevo to skatten. Ho great moatte den jou skilden wol
net wêse?
Siouke.
Ik kin \'t jo by gjin mülkheid sidzo, hofolle ik sa
foar en nei by disso en jinge al opnomd ha, faek wol
om rokkeningen en wixels to foldwaen, dêr ik alhiel
neat fen öf wist. Hwet ik barde dat wirdo my stees
under \'e handen wei, sa dut ik mei de hier nca op tld
kleur kommo koe en jimmer in ein In \'t efter kaem.
\'t Land is sa swietsjes wei forhypotheke, de boerkery
net fry mcar en sels de Inboel for in diol forpando.
Ik ha nou al in tldlang it iene gat mei \'t oare witen
-ocr page 24-
22
to dainjon; throch min goede nammo wier dat mülk, hwent
der dreau ik op; mar jy bigripe, dat moat de iene ef
do oare tld fOstrinno, sa wis as twa en twa fiower is en
yettc freegjo ik jy as goe frïünd: ho den?
Sitse.
Ho den? Jy matte freegjo ho nou? Der moat dadelik
handle wirdo. Op my kinne jy rekkenje. \'t Scil for
jo dwaen hwet ik kin. Jo In alles bihelpsom wSso.
Der moat In e\' earste pleats in middel ütfün wirde
om do oarsaek fon \'t quea wei to niminon. En dy oarsaek
is nei jou .«sidzen wol to f Inden.
Siouke.
Wol to finden, mar net wei to nimmen. En wirth
er weinomd, scoe \'t den yot net to lot wöse?
Sltse.
Praet sa net. Gjin moed forlern. Neod stelt wetten.
TSIENDE TOANIEL.
Siouke, Sltse en Boukje.
Bonkjo {Mei folie alteraesje, fry hwet op \'e ein.)
Dör ha jy it al. It thochte it wol. O lioave f rede
en gjin ein! Dör moat ik nou thüs kommo, fon \'e bisite
helle wirde, om jimmo In to skinken en to bitsjinjen.
It is jo don doch throch alles hinne. O Siouke, Siouke,
hwet bringo jou lij ir al in lost In \'o hüs. \'t Hiolo dorp
scil der skando fon sprokko sa\'n gomicno handclwlso.
-ocr page 25-
2S
Siouko (Mei eamst en krt\'ft)
Swy frou!
Boukje.
Swye !!! Hwet miene jimme wol? Earst sa, enden
yen ek yet \'t riucht fen sprekken to biniinmen. Ik
scoe my skamje, dat wird to uterjen. Ik swye! My in
min egen wente \'t swyen op to lidzen. Hwa het er ea
fen heard. As ik my stilhalde, scoe\'k to Freantsjer
thüshearre. Né man, ik lit my de gik net oanstekko
op fierren nei net. Dêrta bin ik to fier komd.
Sltse.
Ho fier scoeden jy den komd wêse, Boukje?
Boukje.
Fierder as jou skele kin, Sitse. Jou ha al mear as
genoach oan jou egen thüs. Gean dêr hinne om de boel
op stelten to setten. Sionke hoeft net opstokele to wir-
den, nó sikor, dat hoeft net. Dy is üt him sels al sin-
nich genoach. Mar ik thochte wol, dat hjir in houtsje
mei ünder lein wier, dat it sa In onoar siet, hiel wol.
Der is fen sokken net oars to forwachtjen. O fy, sok
dronkeliu\'s dwaen! (Hiu fait op \'e stoel del.)
Siouke en Sltse (tagelik op hir to).
Den siuggo jy üs for dronken oan ?
Boukje (JHucht ek wer oereiri).
Dat is min saek net. Hwet thinke jimme wol, dat ik
blind bin. Lit de flesse tsiuge hwet jimme binne. Sokko
manliu! Yen earst sünder roden fen in deftige bisite
thüs helje to litten, den yen it swyen op to lidzen en
den yotte üt to farren, as me do wierheit seit! Is \'t net
freselik ? 0 lieavo sei, it is throch alles hinne, my sa\'n
-ocr page 26-
24
kroane op \'e hollo to setten. Siouke, Siouke, it ropt
oan do himel.....{Hiu fait wer op \'e stoel del.)
Siouke scil op Mar ta. Sits e keart Mm tsjin en leit
Mm it swyen op.
Sltse {Mei bedaard, mei klim) foar Boukje.
Ik scoo jo ïn earnst riede, Boukje, gean sitten en bi-
darje hwet. Jy binne hwet al to oplieapend. Leau my
as goefriünd: \'t het Siouke sin doel net west om jou to
pleagjen en it bloed hjit to meitsjen.
Boukje {op \'e selde toan.)
Ek in earnst, Sltse, scoe \'k jo riede om jo stil to hal-
den. Der stekt siker gjin eare In, om jo twisko man
en wif to stellen en do hand twisko do bast en de
beam to stekken. Lit Siouke slu egen paod skiën meitsje,
bring jou jo goede ried thüs to plak.
Siouke.
As ik jo bidde mei, frou, praet sa net. Sltse dy is
hjir net komd om my oan to fiterjen en tsjin jo op
sotten, mar wol om üs to helpen.
Boukje. {Earst fry bidaerd, letter mear oandien.)
"Wy binne sin help net brOk. Dör laitsje ik om. Ik
scil üt min egen fearren wol fleane en jou matte jou
gong mar gean, min goede man. Meitsje my it lib-
ben mar sür. Doch jou bost mar...... Dat het altld
jou stribjen west, en nou my thüs to heljen, my \'t swyen
op to lidzen, my it bloed hjit to meitsjen, to hünjen,
to pleagjen on to hjitfalgjen! Sids, Siouke, is \'t den
min skild dat jou jimmeroan thüs sitte, dat jy nearno
gjin tel binne, en dat jy In deftigo kringen net talitten
wirde? Kin ik it helpe, dat jou net eard en net achte
wirde, en dat se ooral de gik mei jou domme en lompo
boerskens hawwc? Sids wolle jy my der in forwit fen
-ocr page 27-
25
meitsje, moat ik it dêrom üntjilde en ta\'n spot wlrde
fen hiel de wrald. O lieave frede en gjin ein, dat scil
den it lean wêse for al min goeddwaen en opofferjende
sorgen! Siouke , Sionke ,...........(mei de büsdoék
foar \'e eagen).
Sionke (wol wer op Mr ta, doch Sitse heart Mm tsjiri).
Sltse.
Kom Sionke, as \'t ienkear safier komd is], is \'t siker
better to swyen en hinne to gean.
Sionke. (Sitse de hdnd op V skouder).
O, Sltse!
ALFTE TOANIEL.
Bonk je (fornimt dat Ma foart geane).
Dör ha jy nonitbiwls fenskild! (Lüderfoarde doar).
Sids, Siouke, kin de wierheid gjin liocht fordrage, eangeste
dy oan to hearren.
TOALPTE TOANIEL.
Ulkje en Betsje (tagelik to forskin, mei foliealteraesje.)
Ulkje.
O, mem, hwet is my dat in jünd!
Betsje.
Us fink is net oer to siean.........
4
-ocr page 28-
2G
Bonk je (thige forheard opsieande.)
Hwer komme jimme wei! {Oandien) O, bern! hajimme
it heardï Ha jimme it heard, ho \'t jimme heit en
Sltse........
Betsje (Mr in \'e reden faüende.)
Ja, ja, wy witte alles. Wy ha alles heard. — Swy
mar stil, en doch gjin forwitingen.
Ulkje.
O, né, doch dat net. Wy skamje \'t üs to nterjen,
hwet wy ta us egen skande oanheard ha.
Betsje.
Heit sin saken binne alhiel In \'e war, alles is op en wei.
Bonkje (forheard).
Hwet sidze jimme?
Ulkje.
Gjin stien, dy üs egen mear is. Wy binne dea-carm.
Bonkje.
Wy earm? Us saken net goed? Alles op en wei? Hwa
bliest jimme sok ding In \'t ear? — (In har sein.) Dat
moast er yet mar bykomme. O Sionke! Nou de bern
ek yette........ (Tsjin \'e bern .■) Mar wol jimme
my den netleawe? Ik sids jimme, dat er gjin leger wal
is, en ha \'k dat altld net sein, as jimme heit er op Ut
wier, de freeslike skrikbllden fen in tsiustere takomst
óf to skilderjen, fen sels om jimme en my fiele to litten,
ho throch üs tadwaen alles ringen op en wei wêse
Bcoe...... As me him heart, is \'t earmoed en elinde
hwet it klokje letl Ofjaen op oaren om sels moai
man to bliuwen!...... Hwet mient er wol mei sin
-ocr page 29-
27
earmtlik fortean, dy formoarde ünskild, sa \'ter itjerne
foarkomme lit. Jimmer suchtjend en grinend, my it
libben sur meitsjende, lést en ünrêst In \'e hüs bringende.
(Suniger.) Mar wolle jimme mei him gean en my al-
linne oan \'t lot oerlitte, gean jimmo gong. Harkje nei
in rüsige holle en folgje dy. O né, jimme hoeve jimme
mem net mear to leawen.......
Ulkje.
Ja wy wolle jo wol leawe, mem. Mar siker, wol
den ek üs leawe, om \'t wy er mear fen witte, as jo ea
thinke kinne. Heit hat in fortrowen oan Sltse, as bür-
man en goefrinnd, alles sein en ütlein, en der sprieken
earnst, weamoed en wierheid ut al sin wirden. Ja, wy
ha \'t allegearre oanheard.........
Bonk je (l&der).
Den ha jimme it heard, ho skandlik as hia my to
fiter hawn ha, ho \'t jimme heit my \'t swyen oplein, my
pleage en hjitfalgo hat? Den ha jimme it heard, ho
skandlik as dy Sltse der mei under siet to stokeljen,
allinne om my mar ta\'n spot to meitsjen fen hiel de
wrald. O, bern.......
Betsje {mei krêft.)
As Sltse üs net bystiet, mem, den klinkt it ekielk oer
de hiel e walden, Siouke Simmenga is failliet, en hwet den?
Ulkje.
Hwet den, as \'t ienkear to let is?
Betsje.
Den binne wy for altld brandmerke. De queasprekkende
wrald, de plompe folksheap en \'t rou gemien, dy scilla
üs troch it slik helje en sa d\' earbre namme fen üs
\\
\'
-ocr page 30-
28
stamme for altid biswalkje. En hwet seille üs fyan-
den net dwaen? Hwer seille üs friünden bliuwe? 0, üs
lot scil bitter wêse, as wy ienkear, biroave fen alles, üt
üs libbenstand fordreaun binne.
Ulkje.
Nou binne wy yette In eare en oansiean ünder üs
likens en dat kinne wy bliuwe mem, as wy mar mei
forstand handelje. Nimmen twlvelt yette oan üs wolfeart,
nimmen dy \'t öfwit fen \'t gefaer, dat üs drlget, en as wy
üs bürman mei al sin lek en brek, as man fen jild en
tük oerlids üs bitrowen skinke, den is er yet alle hope
op in goedginstige ütkomste.
Boukje.
Us oerjaen oan de genade fen Sltse? Wolle jimme
my derta thwinge? — Witte jimme den net, dat ik
strak yet sein ba, dat ik lake om sin help en bystand,
dat ik üt min egen fearren wol fleane scoe, dat er sin
goede ried thüs mar to plak bringe moast, dat er al
mear as genoacb hie oan sin egen hüs en oan sin egen
kriüs — en nou my to fornederjen for him, forjiffenis
to freegjen, mülk him bidde en smeke to moatten,
o bern, al hwet ik kin, dat kin ik net; dêrta sit min
earlik hert yette to heech; dörta stel ik yette to folie
bitrowen op üs egen landen en panden.
Betsje.
Wy ha gjin egen landen en panden mear. Wy ha se
ienkear havm, en wy miene se yet to hawwen. — Sa
\'t üs saken nou geane en steane, moatte wy de boerdtsjes
forhingje en de handen mei enoar In ien slaen, wolle
wy wer by de wal opkliuwe en wirde hwet wy ienkear
west hawwe.
-ocr page 31-
29
Ulkje.
Wite jy yette, hwet bcppe fen Twellegea ienkear sei,
do \'t wy op \'e kostskoalle scoeden: -nHeech oan en
Smalbrêgge net ienris bisile",
sa sei \'t ald sloof, en uou
past it üs mei pake to sidzen: »\'t Moat earst op\'t slimst,
ear \'t betterje kin".
Betsje.
O ja, dat is non allegearre goed en wol, Ulkje. Mar
lit üs derom net fen \'t iene uterste in \'t oare falie.,
ïwisken Heech en Smalbrêgge leit in goudene middenwei.
Lit it wier wêse, dat wy dy wei net genoach In \'t
each halden ha. Us opfieding en omjowing, de geast fen
üs tid en wollicht jeugdige earsuchte, ha dêrta meiwirke.
Us foaralden biune safolle binefter bleaun, as wy to fier
gong binne. Doch mei hiar kinno en meye wy üs net
In \'t gellk stelle. In üntwikkeling en biskaving tsjinje
wy hiar foarüt to wêsen. Oeral stiet de wei dêrta
iepen hioeddeis. Sa stelt do tld heger easken, en wy
krye greater bihoeften. Giet de stoflike wolfeart der-
mei hand oan hand, den kinne dy bifredige wirde, mar
wea, as de sucht nei weelde en geniet \'t deisk bidriuw
oerskadet, en de heeehmoed üs ta in libbenstand fiert,
hwer \'t de Inkomsten gjin rincht ta jowe. Tsjin better
witen oan ha wy üs dOrta forliede litten. Ek it for-
stand kin \'t riuchte paed binster reitsje; mar wier
bliuwt it ek, dat dy liedsman yen ringen wer bystiet
en toriuchte bringe kin, as wy nei sin stimme harkje
wolle. (Me heart praten efter \'e skermen). Lit üs dörom
ek nei foaren gean, foart \'t de boaden üs hjir oer \'t mot
komme, en dêr it skeel mei enoar foreffenje, sadat wy
throch iendracht en gemien oerlids wer ta it doel komme
meye, dat wy üs In disse omstandichheden foar eagen
stelle moatte.
-ocr page 32-
30
TRETTSIENDE TOANIEL.
Metten.
Yette gjin folk, Ale. (Ily siocht rund). Hjir net, dêr
net.......Ho moat it nou, seiste?
Ale.
\'k Wit net, hwet \'k hjir fen thinke moat!
Metten.
Net? Ik wol. Think mar, dat dat spiltsje dêr for üs
delset is. Kom oan, gean sitten, den scil ik dy ris in-
skinke. Siochste wol, it komt krekt ut: for üs elts in
romer mei in stoel der by. Ho woste it better ha? (Hy
slankt de romers fot).
Ale.
Al hien\' se üs forwachte, woest\' sidze.
Metten.
Krekt sa, der hastou it by de riuchte ein. Wy
moasten as switsje bitelle ha. Nou {Stekt de romer
leech),
op it woldyen fen Jolle faemll
PIERTSIENDE TOANIEL.
Ale, Metten en Trln.
Metten.
Kom Trln, drink ris mei........
-ocr page 33-
31
Trln (dy mei wichtich nys op Ale tagiet).
Haste it al heard, Aio?..... Witste er yette neat
fen?.......
Ale.
Né, hwerfen sooe \'k eat witte, \'k Ha nearne west.
Metten (ünforskülich).
Hald dy mar sa dom net. Hy wit alles wol, Trln.
Hy wit wol, ho \'t er ründtsjee op \'e kant sette moat.
Sids liim mar neat mear.
Trln (slacht Metten sin praet gjin acht).
TJa boer en Sltse, de frou en Ulk en Bet, dy binne
allegearre In \'e foarkeamer. Ik ha de frouliu thüs helje
moatten, kin \'k dy sidze, mar ef it er ek lild om ta
gong is. Och, och, hwet wier de frou op d\' ein, en hwet
binne Ulk en Bet mei hir great fortean lits wird»n.
Eingen scilste er wol mear fen hearre. Hia binne non
mei elkoar dêrfoar oan \'t harrewarjen, en \'t scil my binye
hwet d\' ein wirde scil!
Metten (yette allike &nforskittich. mei de Jlêsse
in o? iene, de romer in d\' oare hdn.)
Hwet d\' ein wirde scil? Dat kinste siean, Trln!
dat scil ik er wol oan meitsje.\'... Omdat het zoo lekker is!
Ale. (fry lüd.)
Hwet skeelt dy, smoarge jonge, to maltierjen......
Trln.
Ik scoe mar hwet minder drokte meitsje en siean dat
ik hjir weikaem — anstünds komt de hiele kliber hjir
allicht hinne setten........
-ocr page 34-
32
Metten.
Lit se komme, mei in earlike consciensje hoeft me
for nimmen it paed to romjen.
Trin.
Dat jaget mar jiinmeroan de boel In ünstiür eu
jowt elts mar in wis biskie. En dat in smoarge jonge,
dy \'t pas In \'e wrald kipet en him sels net ienris bi-
drippe kin! As ik baes wier, scoo \'k dy ringen itgat
fen \'e doar wlse, pist aste biste 1
Metten. (Gikoanstekkend.)
Den bistou gjin baes, Ninke?...... O né, dat \'s
wier ek, don biste yet mar baesinne. Nou binne der
oars ek wol baesinnen, dy wol eardich for master spllje
kinne. Ik hear se to minsten wol ris throchslaen, as \'t
blinde finken binne,
Trin.
Don hearste in hele bulte, mar aste sa goed swye
koeste, aste non snetterje kinste, min lieave jonge, scoe\'n
se dy sa faek net op \'e rêch oansiean, as wierste fen
\'t gemienste slach ut \'e efteröf strietten. Dör past sok
praet, astou jimmeroan foar in \'e müle haste.
Metten.
Hó ha \'k it nou mei dy?........Dat fen dy baes-
innen en dy bline finken — dat lükste dy döchs net
oan wol? As ik dat thinke kinnen hie, siker den scoe
\'k it wol swyd hawwe, hwent dou dochste safolle for
min goede opfieding — en mei din forblld foar eagen,
hwer \'t ik my alhiel nei forme ha, moasten se my al lang
fen, foaren oansiün hawwe.
Scoeden de liuwe dy wollicht ek op \'e side oansiean?
\'t Is mar in frage.......... Op side biste sa moai wol
-ocr page 35-
33
Ale (Mts).
Aste nou yet langer sok praet fierstu, den scil ik dj
ris efkes oer \'e drom pel feu \'e bütendoar tille.
Metten.
»
Dat scoe my neat ten dy tsjinfalle; den scocstc döcks
ienkcar fen dïn libben in kearel ütmeitsjc. Hwet soistou,
Trin? Bist ek yct lilts? \'t Wier mar sa beare bort-
jen, ju!
Ale (kort).
Thinken ef nin thinken, ik ha min uocUt, dln wis
praet oan to hcarren.
Metten.
Dat leit oan dy. Om my meist hinne gean, on ik ka
dy hjir net roppen wol?
T r 1 n (tsjin AU).
Ei kom, \'t roait nearne uet nei!
Metten (laeitsjende).
Dat moatst net sidze, fanko, \'t roait wol. Dou sklnst
to minsten wol aerdich rekke to wéson, oars scoeste sa
brimstich net wöse. Mar bwct quea stekt er nou ek in,
as me elkoar ris laeitsjende wei de wierheid seit. Dat
freegje ik dy nou, Ale?
(Me heart siongen efter \'e skermen, (as \'t kin) mei musik;
de boaden. forwidërje Mar nei d\'eftergründ fen \'t tnaniel by
de siddour.
Metten giet kort dêrop nei d\' oare siddoar op
\'e luster.)
-ocr page 36-
34
Siouko, Sitse, Boukjo, Ulkjo ou Betsjo,
sionge eftor \'e skermen:
Wise: Zie de leliën op het veld.
Mei In \'t stil en nedrich land
Weelde en oerdied wöse?
Hwer we üt fügelt, fiea en field
Mietto en ienfald lêse?
O natür, din bild sa skjin
Stimt ta goede, froede sin.
Wol üs liedster bliuwe! (bis.)
Scoe me in \'t stil bidriuwich land
Loai en liddich wêse?
Hwer me üt al hwet üs omjowt
Wirksomheid kin lêse?
O natür, din bild sa skjin
Bopt ta \'n ïvrich, flitich sin.
Wol üs liedster bliuwe! (bis.)
T r i n (forwundere).
Scoe do bui oerdreaun wese?....... Ho is \'t mülk?
Laeitsje en skrieme in ien sike. Aste it strakjes ris heard
hieste, ho \'t se elkoar ütmakke ha.....\'t wier as \'i hüs
In towen hong. En nou wer sa!
Metten (In \'t hinnegean).
Nei raer waer komt moai waer. Wit, ho blier as wy
elkoar strakjes wer oanlaeitsje, Trln.

Al e.
Dat is fêst Sitse sin wirk.
Trln.
Grif is \'t dat. Dy is twiskebeiden komd en hat se
-ocr page 37-
?>:,
allegear it lexom ris thlge löscn. (Fortrowelik:) Mar
witste wol Ale, hwer \'t him de skoech nou ogenlik
knipte? (Hia makket de beweging f en \'t jüdtellen.) Dêr
siet de knoap.
Ale.
Dat wist ik en dörthroch wier \'t Sïtse mülk de frouliu
bynei to kommen, \'k Wier der sont lang wol mei bi-
kend, ho \'t de forke hjir ïn \'e stftlle siet. De boer hat
my sin neden sa faek wol klage. Mar bwet scoe \'k ? ....
Om him en üs allegearre, is \'t siker to hoopjen, dat do
saok mar toriuchto en \'t skeel bisliuehte wirde mei. {Lukt
de slcouders op.)
Sa koe \'t net langer.
Metten (komt op Ale en Trin ta).
Hia komme hjir hinne hear!___ Hia fregen nei üs,
en as wy non hwet woeden, den moasten wy hiar al
siongende wei to miette gean. Kom oan, en den alle
skeel üt \'e weit
(Me heart vier siongen. Metten fait dalik in en giet Trin
op \'e side. Siouke, Sitse ensf. f en d\' iene en de boaden
fen d1 oare side, komme siongende wei it toaniel op.)
KOAR.
Wise as nis.
Scoe ïn \'t stil en freedsom land
Skeel en twadracht wêse?
Hwer w\' üt blêd en blom en krüd
Harmonye löse?
O natür, dln bild sa skjin
Pieth üs op ta minskemin
Wol üs liedster blinwe. (bit.)
(lenfen,e dochters ef de frou is underiviles
hinne gongen en hat in Jlcsse win mei ta-
bihearren opset, en elts in glês inskonken.)
-ocr page 38-
56
Sitso (tsjin \'e boaden).
Dat forheget ïn wierhcid it lok fen dissé jünd, dat
jimme as boaden sa iendrachtich mei üs ïnstimme, hwer
\'t wy ïn blide klanken üs langstmo üterje nei ionfald,
frede en harmonye.
Sionke, sin wïf en de bern.
Dêrop wolle wy drinke!
Boaden.
»
Dérop wolle wy klinke!
Wise: In it litse dorp Terkaph.
Poartoan wolle wy as boaden
Tron en fliticb lens fen sin,
Jimm\' bilang en foardiel sïkje,
Dwaen hwet jimme hacgje kin. (2 kear.)
Siouke, Boukje en do dochters.
Thankje, thankjo thüscnd kearen
Sitse for jou rie en die;
Boaden for jimm\' cabel stribjen
Smeitsje mei üs wille en tier. (2 kear.)
KOAB.
1
                       Wise: Io vivat.
Skink In de win! skink In de win\'
\'t.Tilth hioed in bilde dei;
Wy blnde jünd in friündeband
En s war re tron oan »landen stand" :
Lang libjo hia, Lang libje hia!
Lit klinko en lüd hoerah!
-ocr page 39-
37
MANLIU.
Wise: To Boahert in \'e merke.
It is sok noflik wösen
In wille by elkoar.
Hwêr d\' iene hwct foar \'d oare docht ) Sitse jowt
Dat jowt sa wier oan beide nockt (3)) Siouke dehdnd.
Och, kaem \'t mar faker foar.
FROULIU.
O, eale friske fammen,
Brftk jimmer \'t sünd forstand,
Blinw freamd fen swlde ütwrïdsko pronk
Wês op \'e tld by hus en honk. (3 kear)
Bliuw troTi oan land en stand.
KOAB.
As nis.
Skink In de win, en sa foart hinne.
De titel „Heech oan en Smalbrêgge net ienris besile"
is in sprekwird, dat ik ris heard ha fen in Toppenhüs-
ter boerinno. Heech en Smalbröggo lidzo bisiden Top-
penhüsen en binne hjir dos egenlik pleatsnammen.