-ocr page 1-

FOARDRAGHT

^ c- \'j.

quot;-.;:\'. -j-\' -. gt;

-ocr page 2-

RIJKSUNIVERSITEIT TE UTRECHT

27168131

-ocr page 3-

6) r*

1

;r

-\'ij \'tëjU

De earste kear.

f\'V - i .Mfki 1

//ft B

Ik stie ris op in hearstjoun bij de brêgge fen üs doarp, yn djippe prakkesaesjes. \'k Hie mij namment-lyk twa wichtige dingen foarnomd, dy mij swier yn \'e mütse leinen, hwent hja scoenen in hiele omkear yn myn libben bringe kinne.

Hwet dingen dat wiene ? Ja, dêr woe \'k jimme nou wol ris efkes nei riede litte.

Him forkeapje for de East, scille misskien goeds tinke. Mar dan binne hja fier mis, hear! Ik bin sa bang for de militaire tsjinst, as de flie for de tsien geboaden. Net omdat ik bang bin for fjuchtsjen, o né ! As \'t dêr op oankaem, dan scoe \'k de ried op-folgje, dy üs aide beppe mij bij hjar libben faek en dikmels jüch, ik scoe roppe: „ik te! jimme net!quot; en er dan ütnaeie sa hird as ik koe, en \'t moasten gnappe poepen of franskmannen wêze, dy mij ynhellen, as ik hjir en dêr ien fen myn lange skonken smiet.

Né, ik ha sa pas de flie neamt en deselde sucht nei fryheid, dy dat bistke bij \'t bêdopmeitsjen ta greate sprongen oanset, besielt mij ek; dêrom bin ik sa bang for de tsjinst.

Net, dat min mij bij \'t bêdopmeitsjen ek efter de broek sitte scoe, o né ! Mar ik hear safolle gesmoes oer koejenaesje, safolle fen jonge korperaeltsjes, dy kearels, dy hjarren mei de pinke fen de lofterhan de harsens wol yntrjüwe kinne, oansprekke mei : „boerenkinkelquot;, „schaapskopquot;, „misselijk mirakelquot;, of mei; „ga in de positie staan potverdomme, als ik tot je spreekquot;, — ik ha to Ljouwert al safolle fen it ekser-searjen sjoen, dat ik in allernaerste hékel oan de tsjinst ha. Hwet Atsje oangiet, der krije hja mij ek net maklik, hwent ik bin öfgryselike bang fen de waermte en ik ha krekt allike folie langstme nei de Atsjeneezen, as de Sultan fen Turkije nei syn skild-easkers.

Wm

i

:gt;:, ■ »a|

tamp; -M: ■; ff :

Cquot; •• ï %:yr gt;

1

lt; ■; \'■)(

M .f

.! ,

#

-ocr page 4-

— 2 —

Dos net finder tsjinst en net nei de East. „Dat zij verrequot;, lyk as us domenij faeks seit as er ut Paulus preket.

Moochelyk scoe er wol mei oannomd wirde! Of seis baes wirde, tinke wer oaren.

Ek net, hwent ik wie for beide yette hwet to jong. jimme binne to \'n ein ried, behalve dat fanke, dat ik flüsterjen hear : „hij scoe for d\' earste kear to frijen !quot;

Dat is for de greatste helte red, hear! Ik scil \'t jimme mar sizze : ik scoe for d\' earste kear nei de skearbaes en for de earste kear to frijen; al hiele wichtige stappen for in jongkearel fen sextsien jier.

Dat ik for d\' earste kear nei de skearbaes scoe, wie yette to slimmer, omdat myn bird sahwet fen de-selde stiiwigheid wie as de plüsterkes fen in hynste-blom.

Lykwols, nou ik to frijen woe, moast it er dochs wol öf, hwent ik moast it famke der ik hinne woe yn de mieninge sjen to bringen, dat myn reis nei de skearbaes hege needsaek west hie, dan koe hja ear-der respect for mij ha.

Sa stie ik dan bij de brêgge, de algemiene „beursquot; fen üs doarp en makke mij hast nidig op in siedsjou-wer mei in kin as in Ingelske biesem, dy bromde dat it skearjild him sa bigreate.

Ik hie op dat eagenblik jerne in daelder skearjild bitelje wollen, as ik sa\'n partij stikels om myn snap-pert hawn hie.

Ik roun Hik bij him wei en rjucht op baes filder,.. . ik wol sizze rjucht op baes birdskrabber yn, hwent it wie tongersdei-to-joun, in lege joun for de skearwin-kel, dêrom gong ik er sa\'n joun Ijeafst hinne.

Do ik der koam, siet baes skearder dan ek allinne, as in heremyt yn syn klus.

„Joun baes!quot;

„Joun boai ! Hwet woste ?quot;

Ik seag wol dat baes net yn in froalike stimming wie en doarst dos net daelk mei \'t wiere boadskip him oan to kommen. Derom sei ik ; „ik woe \'t hier wol hwet knipt ha, baes!quot;

Baes sette swijend in stoel del, hwerop ik myn wichtige persoan gou delplakke woe, mar baes kearde det driftig.

-ocr page 5-

„Hou, hou hwet! Dêr moat earst in stove op ! Of mienste dat ik myn aid rêg brekke wol ?quot;

„Om myn part de ribben er bijquot;, tocht\' ik; mar ik sei it net, hwant ik wist foarüt: dan hie myn bird sitten bljeaun.

Mei Jobsgeduld gong ik dos mar op de stove sitten en baes teag oan \'t hierknippen. \'t Like wol dat ik myn holle net to stil halde, hwent yn ienen sei er, sa frjeunlik as in aid baerg;

„Hald dyn kop stil, siz ik. Dy blaxemse kwajonges kinne nea hjar yntaest stil halde.quot; Do spande \'t er fensels noch mear om myn prük stil to halden, hwent ik wie sa nidich as Tryn Hoartses, do we hjar aid kat forsopen hienen; mar ik halde mij dochs küs, hwent de aid knaep is de lenigste skearbaes yn üs doarp, en ik woe dochs jerne myn bird. kwyt. Einlyks rekke myn hier der of en baes rikte mij in spegeltsje oer om to sjen ho \'t gien wie.

„Dat ha j\' er ris gnap laptquot;, sei \'k, mar ik miende \'r gjin bean fen, hwent d\' aid knapper hie yn myn hier omfike, as de jonge fen burman yn üs bliik, as er gêrs snijt for syn keninen.

„Dat tocht ik ekquot;, sei baes.

Ik tochte : kom, nou moat it heege wird er mar üt, der is nou in bres yn \'e mflrre.

„Mar myn mule sinnicht mij ek net, baes ! dat pod-dehier wirdt mij to lang, scoene jou mij dêr ek ófhelpe wolle ?quot;

„For jild skear ik in slakquot;, andere baes en krige in hanlampke om mij ris goed to bisjen.

„Krekt in forskimmele fransk-broadsjequot;, sei er, cn krige skearnappe, handoek, sieppe en mes.

„As ik dij bij tsjuster ris tsjin kom, tocht ik, sell ik dij dat broadsje ris oerkogje litte.

Baes sieppe mij yn en teach do oan it skearen.

„Skeart it goed ?quot; bromde er.

\'t „Skilt safolle netquot;, andere ik brimstig, wyls ik in bringst fen \'t ryklik smarde sieppeskom yn \'e möle krige.

Baes helle \'t mes yet ris oer it lear, en fike \'r wer ünfüg op los.

Einlyks en to\'n lésten, dêr stie ik sunder bird, mar \'k koe net witte dat \'k er lichter fen wirden wie. \'k

-ocr page 6-

— 4 —

Bitelle baes en naeide \'r mei \'n net hiel freunlike gioetnis üt.

De earste kear to skearen wie \'k trochkomd, mar de earste kear to frijen moast noch wêze, en de deale, dat \'s ek in krewei.

Sneintojoun koam. De klok hie krekt acht üre slein, do ik op sjou teach, nei earst for \'n hanspegeltsje it ien en \'t oar oan klean en oferhimdsjestrik en sa yn oarder brocht to hawwen.

\'t Hert sloeg mij tsjin de ribben Oan, dat min \'t krekt like goed heare koe as \'t lieden fen de Wijn-terper klokken op Sint Steffen.

Njonkelytsen koam ik oan de wente fen hjar, nei wa ik ta woe. Ik roun er al ris foarbij, yn \'e hope dat Martsen — hja hjit Martsen, rnoat\' jimme witte — der ris üt komme scoe. Mar al hwa koam, gjin Martsen. Einlyks teach ik de dryste skoen dos mar oan, draeide de klink fen de foardoar op en stie bij hjarres yn de gong. Hearders en heardereskes ! Ik ha ris ienkear in do-menij syn fiifkop ofsmiten en moast do nei him ta om forjeffenisse to freegjen. Mar ik kin jimme for-telle, do ik der bij domenij yn de gong stie, wie ik hyn of to nei sa raer en dwilig net, as do \'k der for de earste kear bij Martsen en hjarres yn de gong stie. Nei \'t ik „folkquot; roppen hie, waerd de keamersdoar iependien en it parkemintige antlit fen Martsen hjar beppe kipe om \'t hoekje.

„Is der hwa?quot;

„Ja !quot; rop ik en \'t aid minske koam op mij ta.

„Hwet moasten jou ?quot;

„Ik woa Martsen wol efkes sprekkelquot; raesdc \'k, hwent it minske is hwet hiidhearig.

„Martsen, seinen jou ? Hwa \'s jonkjen biste ?

Wol, alle difels .... hm ! \'k woe sizze .... forjow mij hearders en hearderessen, de ütfal wie hwet bot, mar ik wird altyd noch driftig as ik oan dat eagen-blik tink.

„Hwa\'s jonkjen biste!quot; Dat mij tofreechjen, dy hjar wol \'n heal jelne oer de mütse hinne sjen koe.

„Ik bin Harm fen Kees timmerman,quot; raesde \'k, en \'k ha \'n lyts boadskip oan Martsen.quot;

„Nouquot;, wirde \'r üt de keamer wei roppen, „lit Harm hjir dan mar komme.quot;

-ocr page 7-

Sa sein, sa dien ! \'t Aid wiif straempele de keamer yn en ik hjar efternei.

„Navendquot; sei \'k tsjin Martsen hjar heit en mem. Hjar seis seach ik net.

„Joun Harmquot;, seinen se, wyls mem mei in stoel ré sette.

Yn de alteraesje gong ik lykwols op in oaren ien sitten en dat bikoam mij nüfer, hwent der lei in aid boarre op.

„Dy net heare wol, moat fielequot;, seit it sprekwud, mar dy net sjen wol, of alteas net goed üt syn eagen sjocht, moat sims ek fiele, dat ünderfoun ik op dat stuit.

De kat bigong in solo te sjongen, dat hearren en sjen jin forgean scoe en makke fen syn flewielen poatsjes fjouwer fiifneilige flêskprippers, dy er sa ün-füg yn myn efterst sette, dat ik fen kealtme oerein en omtrint it aid minsk ünderst boppe fleach en de flesse mei anys en brandewyn, dy ik op goed lok meinomd hie, mij amperoan ta de büsse ütrólle.

De teikens fen de kattepoaten binne yette yn de broek to sjen dy \'k do oanhie.

„Hè jonge !quot; sei Martsen hjar heit, „dat \'s in rare untmoetinge.quot;

„Dat komt er fenquot;, sei beppe, „wylde bern en katten ha nea meinoar kind.quot;

\'k Wie fensels raesend en foraltereare tagelyk en sei neat.

Ik rekke lokkig gou op in oare stoel to sitten, hwerop Martsen hjar mem mij \'n pantsje kofje oerrikte, mei \'n moai huikje keallepoat.

Hja fortelde mei dat Alartsen efkes om boadskip wie en daelk wol thüs komme scoe.

De aide hear en ik rekken do oan \'t praten oer waer en wyn, oer kij en skiep, oer alles en noch hwet, ont we tsjin \'t lest oan \'t timmerjen koamen. Ik bin bang dat \'k do wol \'n bytsje oan \'t opsnijen west ha, hwent ik ha praet oer \'t bouwen fen hüzen en boereskürren, al hie \'k \'t fyftich jier dien. Mar hwet deale, as sa\'n aid wiif jin sa leech leit, moat min jin den seis net hwet yn \'e hichte stekke ?

Mei \'n heal ure koam Martsen thüs! Né, mar dy seag mij oan as Jetskemoei de sinneklips.

-ocr page 8-

„Navend Harm !quot; sei se.

„Moarn Martsen !quot; wie myn biskied.

„Nouquot;, sei hjar mem, „nou is \'t ek raer; Harm mient leau \'k dat it al nei toaifen is.quot;

„Ei néquot;, sei \'k, „dat (oei der sa mar lit; ik woe sizze, witje .... ik . ...

„Hij prakkesearret yet oer de katquot;, sei beppe.

Martsen wist fen \'t gefal fen de kat fensels neat óf en harke dos nei lis, as wij nei de joaden op greate forsoendei.

„Harm hat in boadskip oan dijquot;, sei hjar mem.

„Oan mij ?quot;

„Ja Martsen ! Ik woe dij wol efkes aliinne sprekke.quot;

„Nou, dat kin wolquot;, sei se. „As je dan mar efkes mei komme wolle.quot;

Nou, jimme bigripe dat ik gau it folts goen joun sei en hjar efternei stroffele. Hwer hja mij hinne liede wit ik net, hwent de holle draeide mij as in giseltop. Mar der efter, yn \'t tsjuster, frege hja mij ; „Hwet boadskip hieste, ju !quot; „Ja, sjoch Martsen, ik hie der al lang ris oer prakkesearre om mei de kat... ei, ho kin \'k sa mal... ik woe sizze ....

Difels ! Us aldste feint hie mij sa krekt bitsjut ho ik it oanlizze moast en nou \'t er op oan koam wist ik er krekt safolle fen as üs hoanne fen de Babelske sprekforwarring.

„Ik woe sizze, Martsen, dat ik .... dat ik . . .

„Doch\'t dij mar oan tiidquot;, sei se, „siz \'t mar ien-faldig wei.

„Nou dan, ik woe freechje as \'k joun hwet bij dij bljüwe koe.quot;

„Ei jonge, wie dat it boadskip !quot;

„Ja! Mar siz ju, kin \'t ? Siz ju!quot;

Ik taestte al lis om mij hinne, hwent it wie der sa tsjuster as de wearlich.

„Ja, hwet scil \'k sizzequot;, sei hjar wer. „Ik wit net as üs folk it lije wolle.quot;

Dermei fielde \'k in seaft hantsje yn mines.

Och, Ijeafe sauntsjen ! Lit de wrald mar prate oer élektrike en galvaniske batterijen! ik woe wol ris sterker „batterijquot; sjen, as sa\'n seaft, mutel fammehantsje yn \'t piktsjuster.

Al hierne hja mij troch „biologeerenquot; of hypnoti-

-ocr page 9-

seerenquot; ek sa stiif stean litten as in hikkepeal, dat amerij hie mij sa linich makke as een pias yn in hynstespul.

Ik helle dat hantsje, cum annexis — lyk as üs notarisklerk gau ris seit — nei mij ta.

„Dos dan jowst mij gjin blau, hè ? Nou, dan lizze we earst mar ris efkes oan, nou ?quot;

Ik hie hjar krekt de earm om \'e Hals, do.........

Sakkerloat, gjin geeste-oproppers kinne mailer tasjen as yn ienen de tsjustere seal, hweryn hja beusich binne, forljochte wirdt, as wij, do hjar mem mij de laempe efter üs stie.

Mar dat is in tige goed minske, dy wit dat hja sels ek jong west hat.

„Nim mij net kwalyk bern,quot; sei se, „ik moast efkes de tsjettel üt de keuken helje. Mar hwet ik sizze wol, ik kin Harm syn boadskip wol riede; as jimme efkes kuierje wolle, dan is hjir de kaei ; dan kinne wij mar op bêd gean.quot;

„Nouquot;, sei Martsen, „wolle we dan efkes de bürren ians ?quot;

Nou, jimme kinne fetsje, hwet ik andere.

„Joun dan, bern !quot; róp mem üs efternei, „\'t foart net al to bot meitsje, hear! Jimme binne yet sa jong !quot;

„Né, wij sciile staedig oan dwaen. Nacht mem !quot;

Mij tinkt, hwet sell dat minske folie rêstiger sliept hawwe, as de aide, snibbige beppe.

Wij hawwe do hwet kuiere en dêrop Martsen hjar wente wer opsocht.

Do helle ik de flesse mei anys en brandewyn troch-enoar — hagel en donder, sizze se bij üs — for \'t Ijocht; Martsen helle \'n romer en ik helle Martsen nei mij ta.

Oan de moarns fjouwer ure ta hawwe der bij elkoar sitten ; wij woene \'t foart net al to bot dwaen. En de tiid is mij neat lang fallen. As Martsen mij net foartdrjeaun hie, hie \'k er nóch sitten.

En dat hja mij foartdreau, wie net omdat \'t hjar forfeelde! O né, hwent ik stelde \'t daelk mei hjar op trije wike wer; mar hja brukte hjar forstan. O, \'t is sa\'n forstannich fanke !

Och, och, feinten, dy yet nea to frijen west hawwe, bisiikje \'t ris. \'t Scil jimme goed foldwaen.

-ocr page 10-

Dat gniiven en dat strünen jouwt op \'e dür ek mar earmoede.

En letter, as heit en mem er ris öfreitsje en jimme aide feinten binne en jimme sunder frjouijue\'sheip net redde kinne, dan lit jimm\' jimme faeks ynpakke troch in fikke fen in aid hüshaldster, dy jimm\' al gou de toffel op \'e nekke set.

Siikje dos in wyfke op as \'t noch tiid is, dat wol sizze dat jimm\' seis noch yn \'e fleur binne en net for healsliten forkoft bihoeve to wirden.

En tink er om, for nimmen, ek net for de greatste sündaer op dit gebied, is it to let, salang hja noch sahwet soun en kreas binne.

Derom ha \'k de earste kear yn sake frijerije fen mijsels forteld, om foaral de ald-feinten oan to fjurjen it ek noch ris to bisiikjen. De mearste jonges wolle ut hjar seis wol, mar inkelen binne hwet bleu. Fam-kes, kom sokken in hiel, hiel lyts bytsje tomjitte. It kin altyd fen ien kant net komme, n\'t wier?