-ocr page 1-

FÖESUMERE BERI.

-o ©o--

TELTSJES YN RYM EN ONRYM

f en

quot;w^x.iisro k: s t :r, a.. E

- ^

y.Gi \' ^

öyö

to Ljoüwert, by R. VAN DER VELDE, (tofoare C. iSToë Lzn.)

BS fS quot;3 58 SI S8 IS BS ES Si: rS BB 88 B8 g] FB ^

-ocr page 2-

Kast 160 PI. E N0. 30

-ocr page 3-
-ocr page 4-

Kast 160 PI. E N0. 30

-ocr page 5-
-ocr page 6-
-ocr page 7-

Zo.

FORSLINGERE BERN.

TELTSJES YN RYM EN ONRYM

FEN

quot;W^ZLIHSTGS-

to Ljouwert, by R. VAN DER VELDE (tofoare C. Noë Lzn.)

RIJKSUNIVERSITEIT UTRECHT

0506

-ocr page 8-

„ Dy hern fen Jap ik en Sijke binne al danicli forslingerequot; wirdt er sein, as de hern at in greate hdshdlding, troch trouwen of op in oare menear, icit ho fier fen elkoar óf komd hinne to ivenjen, de iene hjir en de oare dér, yn for-skate oarden en lanstreken.\'quot;

De stikjes, dy H yn dit boekje foarkomme, hinne for \'t greatste part sokke forslingere hem. Hja kiene foar en nei hjir en dér plak krige yn tydskriften en jierhoekjes of oars earne. Ik hah se hjir nou wer hy elkoar brocht.

De namme, dy \'k oan disse samling jown ha, scil de lêzer nou wol bigryplik wêze, tinkt my.

Myn winskjen is, dat it hoek wolkom wêze mei hg ljue dy \'t get nacht oan frysk lézen ha, en dat gads dg \'t graech ris hivet yn \'t iepenhier forhringe wolle, der ek gading yn fine scille.

1896.

AV. D.

-ocr page 9-

In Biddeltekken.

Ik Lab yn \'t sin om ris mei in biddeltekken foar\'t Ijocht to kommen. Jimme witte, fen seis, wol ho\'n ding dat is; de Hollanners neame \'t in lappedeJcen. To Ljouwert yn\'t Museum fen Aldheden scille wol güds to sjên wêze. To Hynljippen yn dat aide Hynljipper hvis hab ik guds sjoen en tige moaije ek. En yn myn jongcsjierren ha \'k wol ris sjoen ho \'t se makke wacrden.

Sa\'n tekken — eigentlyk wier \'t it oerklaeisel fen in tekken — waerd by elkoar naeid fen tnjeknntige lapkes fen allerhnnne kleuren en stalen. Twa sokke trijehoekjes oan elkoar set waerd in fjouwerkant en fen sokke fjouwer-kanten koene de frouljue in lape meitse sa great as se woene, as der mar foarrie fen lytse lapkes wier.

Dat wie faek it wirk fen jonge fammen. As dy sa fier wieren dat se skiklik naeije koene, den bigounen se mei \'t meitsen fen in biddeltekken om dêr by nou en by den ris hwet oan to dwaen. As yn üs dagen in jongfaem in album op hjar jierdei krige het, den is se elkerien oan om in portretsje for hjar album. Yn \'t foarige biddele sa\'n fanke elkenien om lapkes for in biddeltekken. Frouljue dy \'t net yn \'e rouwe wieren, droegen destyds bonte jakken, bonte skeldoeken, ek wol ris in bopperók fen bontgüd, — en den bonte ondersten, boarstroksmouwen en alsa. Krigen se fen soks hwet nijs, den waerden de lapkes en flardtsjes dy dêr

-ocr page 10-

fen oerbleauwen, net weidion, ué, mar trou biwarro om er de iene of de oare, dy \'t in biddcltekken onder bannen hie, bliid mei to meitsen.

Sa \'n jongfaem brocbt it faek net fierder as ta \'t meitsen fen in widzetekkentsjo. Den koene de lapkes hwet lytser wêze en \'t wirk wie hwet gauwer klear. — It sloop om in foetkjessen op \'e widze, waerd ek wol op sa\'n me-near makke. — In lape, dér \'t in greato tekken mei oer-klaeid wirde koe, dêr moasten in onbidich bulte trijehoekjes ta wêze, en sa \'n stik wirk waerd for in opslüpt great fanke ok wol ris danige forfeelsum.

Der waerd ek wol sein fen „bidlers-tekken.quot; Dat scil dor feu komd wêze, dat min do wol ris in skoaister of omrinders-wiif op in baen seagen mei in skoudermantel om, dy \'t ek feu sokke boute trijeboekjes gearript wier. Sliepte sa\'u minske nachts by de boer yn \'t hea, den bet sa\'u mantel hjar licht wol for tekken tsjinue. — Mar „biddeltek-kenquot;, in tekken feu by elkoar biddele lapkes — sell oars de rjuchte namme wêze, tiukt my.(*)

Nou, ik hab in biddeltekkeu makke feu sprekwirdeu, sa gearstald, dat it in soartc fen in forhaeltsje wirdeu is, dat, nei \'k hoopje, net oan elkoar hinget as droech san. — Ik scoe se wol frysko sprekwirdeu neame wolle, mar sjuch, mei sprekwirdeu giet it ek al lyk as mei folkstultsjes, ber-aerymkes en mear fen soks. Dy dingen balde hjarreu net binnen de swettcn eu skiediugen fen sa\'n lyis plakje groun as üs Fryslau is. Och heden, né! Lja binne faek bast oer de hele wrald forspraet.

De measte Ijeafhabbers fen alles hwet Frysk is, witte wol, dat Goarjet fen Burmanje yn \'t earste fjirdepart fen

(\') Scoe \'k ek ris ongelyk ha kiune? Vn in aid hollansk boek. for \'t earst üt-jown yn 1569, foun ik : ))als een Bedelaarsmantel, met vele en verscheiden stukken .... toegenaait.quot; F. v. Marnix, Bijenkorf, 1749, 32.

-ocr page 11-

5

de snuntsiende io^ in samling fen sa\'n alvehondert sprek-wirden op pompier set liet, dêr \'t er de namme oan jooch fen : B Der oude vrije Fries en Spreecktcoorclen.quot; — Ondor de wirken fen de sieuske dichter Cats komt ien voor dat hjit: „Sjriefjhel van den Ouden en Nieuwen tijt.quot; Dat is ek in boek fol aprekwirden. En non fynt min by Cats forska-te dy \'t Burmanje ek het. Scoe de iene gu ls fen de oare oernomd ha? Dêr wol \'k neat fen leauwe Do\'t Cats syn boek yn \'t Ijocht kaem hie Burmanje syn samling al in ein hinne tweintich jier klear havvn, en \'t stiet er fen to tinken dat de sieuske ridder it wirk fen de fryske edelman noait onder de eagen hawn hot. En al hied er dat al, den bied er der yet neat mei wirde kind, scoe \'k tinke, hwent ik stel my foar, dat fader Cats fen de fryske tael allike folie wiste as de bolle fen \'e noardstjer. — Mar wy kinne op sa\'n menear doch witte -— as wy \'t oars al net wisten — dat in hopen sprekwirden, dy \'t hjir wakker hiem binne, ek wol fier buten Fryslan brukt wirde. Al wirde se dêr wol ris efkes oars sein as hjir, meastal komt de biteikenisse fnjhwet op \'t selde del.

Mar om nou ta de saek to kommen en net mear oer-al to heljen: in bern moat in namme ha. As der in nij skip fen \'e helling giet moat it doopt wirde, sizze de skut-makers, en het immen in stikje op pompier gearstald, den tsjinnet dat in opskrift to habben. — Nou den, ik hab boppe myn stikje sot:

Eltse minske het in sin.

Jn, eltse minske het in sin ; de iene het sin oan \'e dochter en de oare oan \'e moer, sa komme se beide oan \'e man. Dêr scil ik jimme ris in boekje fen iepen lizze.

-ocr page 12-

G

Melle Setske wie in glanzige widdou fen achtentritich jier en hjar docliter Lolkje wier achttsien jier. xis \'knou sei: de moer en de docliter liken elkoar as twa drippen wetter, den scoe \'k lige. Setske wier in fiks en feardich minske, dêr \'t gjin spyn can wie to bifinen, ek hwet hjar dwaen en litten oangyng. Yn hjar jonge jierren wie se in faem as in loge. Just net sa\'n stik frominsk oft se ut \'e dyk dold wier, sa\'n manshelt, sa\'n mürbrekker, dy \'t stikken noch dea koe. Né, mar hja wier eigentlyk in faem dêr \'t us Ljeavenhear neat oan forgetten hie; bitroud om los to rinnen, hwent hja wist hjar for wetter en fjür to mijen. Hja wie goed op \'e tiid ófdreage en stie net mei omkearde hannen as der hwet ut \'e wei set wirde moast. Dêr \'t hja kaem hoefde gjin oaren to kommen, hwent hwet hja dien neamde, dat wie kyk er ien dinne.

Hjar man en hja skeelden safolle as nacht en dei. Melle by syn libben wie mar in hantsjefol kearel, in hum-melke fen in man, dy \'t hast wol yn hjar ta toer koe. Hy wie sa\'n wanwittige pesize fint, eptich en keken alheel nuver; hy miende de wysheid to habbon fen Salomon on hy hie yet minder as Salemons kat. As er him goed mei griene sjippe wosken hie, den glimde or as in eark, ja, den wie er sa glêd as in ekkel. — Sa moast er dor hwet glans op sjên to lizzen, hwent hy wier oars sa bleek as in skylfisk en sa meager dat er wol mei de keninen troch de traeljes frette koe. Sneins as er yn e stisel wier den wier er jimmor dwaende om fen syn klean de pluskes to slaen dy der net op wieren. Mar kaem \'t er op oan om in man lit to meitsjen, nou, den wie er in healen en dat net ienris; in sipelsek, oars neat. Itc hwet de kok skafte, dat woe syn mage net lije, as er dêr net op paste laei er gau foar anker Hy koe gjin sigentsje forneare, altyd troch moast er sahwet mei pompen boppe wetter halden wirde.

-ocr page 13-

7

As \'t in bihoarlike poestor waeide koed er pas sydwyn gean; mei ien wird : in bird man op in weak tsiis. —■ Dat wie gjin kearel for de kostwinning, scille jimme sizze.—-Né, mar in goed Fries het noait gjin ongelok of hy het der in gelok by. Melle hie in aid omke dy \'tmoai skoan foerring yn \'ejas hie. Ja, dy hie quot;t libben wol aerdich op in boerdtsje, it sizzen wie dat er for honderttüzen goune net hoefde op to stean. Mar blauwe Fedde kipet altyd om \'e hoeke fen \'e doar en as dy seit: „Jonges, it spil is lit, stek de knikkerts yn \'e buse en gean nei bed,quot; — den fait der gjin tsjinakseljen foar. — Omke krige \'tlid oer \'e noas, en dat wie in oanstjerte for syn ear me neven en niften, dy \'t by syn libben gjin spui-iit fen him los krije koene. Hwent as \'t dêr op oankaem wie de aide sa taei as in ielshüd. — As sokke aide luiskes omfalle den komt der hwet to stienskienmeitsen, nou ? Sa gyng it hjir ek en Melle krige dêr in aerdich dofke fen. — Dêrtroch koed er frij fen arbeidsjen, to sizzen, as er net to bjuster yn \'e wjukken sloech en gjin bütensprongen makke, marstadich-oan by \'t waltsje lans kloette. — Nou, folie wyn yn \'e swipe hie de man net, hy wie heel end al gjin weismiter. Hy bleau mar Ijoafst by memke thiis. Hwet yn \'e hüs omknüskje en in hantaest for de frouljue dwaen, dêr mocht er wol graech oei\'. — Mar den woed er \'t ek mei witte ; in spjeld het ek in kop, is \'t net wier? En in baerch het in sin, scoe in minske net ien ha? — Nou, as\'t dat mantsje net nei \'t sin gyng den koed er oan \'tjeuzeljen reitse, hondert ut, krekt as in aid wiif. — Den wie er mei syn lêbbige praetsjes yn stoat om gjin tsien, mar hondert minsken sa nidich as in spin to meitsen, scoene min sizze. — Setske lykwol liet dat ta \'t iene ear yn gean en ta \'t oare wer üt. Hja tocht altyd mar: „Sokke moat min ajén mar net hearre; de meagerste miggen ha\'t measte ge-

-ocr page 14-

gons, mar elk haldt syn eigen bistek, fjirdel baerch i» saun siden spek.quot;

Ik hab yn \'t foarige in man kend, dy sei altyd: „As min de pong oan \'t wiif oerdraecht jou hjar den de broek er mar dalik by, hwent den is min dóch it roer ut \'e hannen kwyt.quot; Dat hie Melle net yn \'e rekken hawn, en do \'t er \'t bigoun to bigripen wie \'t knikken efter \'e miet. De man hie siker maar gelok as syn eigen, dat syn wiif altyd it forstan der by lans balde, hwent hja koe hira wol meitse en brekke, as \'t er op oankaem. Hja nie knyp yn \'e bannen; dat hja to pakken krige, dat siet beet, dêr kin jimme divol op sizze! — It is altyd goed, dat nitelige kij koarte hoarnen ha, en \'t is ek in skoan ding, dat greate minsken net kwea binne en lytse net sterk, oars gyng \'t soms mal, wol \'k leauwe.

Der waerd wol ris sein: Dy tvva ljue passe by olkoar as de hispel op \'e brijpot. Ho is sa \'n frominske as Setske oan sa \'n bihyplike stek-yn-\'e-büs fen in mantsjekomd? — Ja, sei in oar den, ho kaoin de divel by \'t aid wiif? — Troch \'t slotgat! Lyk siikket lyk, mar ongelikense fine elkoar. — Mear foei dêr net oer to forhakstükjen.

Melle en Setske hiene ien bern togearre, en do \'t by njunkelytsen it breidsjen kaem del to lizzen, do wier Lokke sa \'n opslüpt fanke twisken bingjen en wierjen. Do \'t se hwet fierder kaem seijen de minsken: Hja is hjar heit ut \'e müle stapt. — Nou ja, hja wier al sa\'n nibke, sa\'n effen-tredtje, dy \'t danige swiid bibalden like to habben. Hja tripke mei sokke koarte stapkes, krekt oft se op aeijen gong en yr kramtriedden hinge. De klean sieten der omr oft se der om getten wieren cn hja wie sa klien yn \'e mil dat de feinten faek seijen: men koene hjar mei in dimter-koeke wol trochslaen. — Mar al wie se foar \'t uterlike meast nei hjar heit ütskaeid, it wie dóch ek wol aan hjar

-ocr page 15-

O

noas to sjên dat de mem quot;jin einefugel west hie. Lokke hie wol tige sin oan moai on stie danich op hjar stik, mar in fiisnoaske, dy \'t miende to wezen hwet se noait wirde scoe, dat wio se dóch net. Yn \'e omgong wie se flot en aerdich, net op \'c müle tallen do \'t tiid wier om praten to learen; hja wist tige goed hjar weetsje en wie nuvere hislipe yn reden en biskie. Hjar mom hio gjin sit-yn-\'t-nêst fen hjar makke en ek gjin fimeltsjemoai, mar hjar altyd goed oanset en troch de mostor feugole, — en hjar jimmer foarhalden: „Wy binne net yn \'e wrald om to pronk to sitten; altyd moai is net moai; de aide klean moatte de nije fortsjinje. Wy moatte \'t sa oanlizze dat wy \'t folMlde kinne en fleurich de ein fine. Op is moai, wirdt der wol sein, mar skiën op en krap sêd is net moai. Fen Follen-hoven nei Utert dat giet maklik, mar fen Utert nei Fol-lonhoven, dat wol trochgeans min.quot;

jS\'ou, dér scil wol flocht op \'e koai komd wêzo, tinke jimme. Net sa bjuster ; de frijers wadden dor de drompel net swart. Dat mei op \'e fiakte freamd lykje, goed bisjoen wie \'t net sa freamd. Sjuch, it wio mei Lokke sa hwet to héle en to heale; in skeadlik lape, to great ta in skütel-doek en to lyts ta in dweil. Hja wier lang net sa ryk dat der blauwe hynsders om dea jage wirde scoene, dat like der hein noch omtrint net nei. Mar oan \'e oare kant wieren der ek feinten, dy \'t oars wol eagen op hjar smite scoene, mar dy \'t by hjar seis tochten : Dat is gjin spek for myn bek. — Sokke knapen binne ek wol ris bang, dat se hjar oan kald wetter barne scille, nou?

Der sieten ris trije feinten by elkoar to praten oer staet-saken en ierdapelnegoasje, — dat by sokke baesmannen sa folie bitsjut as jongfolkenj. Japik, in skroarsfcint, en Harke,

-ocr page 16-

10

in skipperssoan, wieren yet net fier yn \'e tweintich op ; mar de fammen onder elkoar seijeu; „Dat binne feinten mei twa magen en gjin hert; sokken moatte by \'t bosk forkocht wirde lyk as de swevelsprikken.quot; — Dy twa snaken koene wol in steil wird dvvaen, en lekskoaije en giisgobje, dat wie hjar minste wirk net, — mar hja liken gjin rjucht doar to habbon. —- Eikele, de trêdde, wier in aid slydja-ger, dy de fiif-entritich al op \'e rcch hie, in greate bonkige fint mei hannen as slaeijen ; sa sterk as in bear, mar sa good as er heech wie. Der waerd altyd tocht, dat Rikele gjin frouljuesflcsk oan him hie, mar der gyng mear yn him om as de ljue mienden. Alles hwet liket is yet net wier, oars net?

jSTou, Japik sei sa: „Dy Melle Setske Lokke scoe \'k wol ris troch de hannen gean litte \\volle;.dat liket in stikje güd dat not forblikke scil.quot;

„Dat lit him fen buten altyd net bisjên,quot; seiHarke, „yn in epticli faeiu sit wol ris in slier fen in wiif. Dêrom net, ik hie quot;t ek Ijeaver mei hjar to dwaen as mei in razene kat. Hwet tinkt dy dêr fen, Rikele?quot;

Rikelo sei: „Né, hja wie my to noedlik. Ik scoe soarch ha, dat se gjin hantearjen féle koe. Den nacm ik, leau \'k, as \'t dêr op oankaem,de mem for kar; dér is better Mid oan.quot;

„Ja, de diveker!quot; sei Japik, „Dat minske dêr woe\'k ijeaver mei ite as mei fjuchtsje.quot;

Harke foege der by: „Rikele scoe wol lan mei hjar bisile kinne. Smyt dyn anker dêr ris lit, aldfeint. Dy wid-dou is yet to jong om sa to\'n ein, en hja bringt ek wol griente oan \'e merk, hja scil net swier to rissen wêze, tinkt my. De ljue hjir yn \'e burren sizze tominsten: dy widdou rint mei in striewisp op \'t gat.quot;

„\'t Kin wol wêze,quot; sei Rikele, „mar it is gjin glêdde widdou.quot;

-ocr page 17-

11

„Dat is gjin praten wirdich. Der kin ek net sein wirde dat se lappen op \'e klean het. De dochter kin hjar seis wol drippe, der hoefst it baeitsje net for te lüken. Dy is troch pokken en müzels hinne en soil mei \'e tiid it m\'st wol litfleane.quot;

„O!quot; seit Rikeie, „dat kin ek yet wol trije dagen en in moarnskoft oanhalde. It- wol der ommers net buterje. It liket wol dat de feinten dêr in houn giseljen sjoen ha, of dat der mear sokken binne lyk as dy twa dy \'t ik mien: sterk boppe de skouders, mar bang fen eigen skaed.quot;

„Dou bigjinst skerp bjier to taepjen, Rikeie, enbokkens mei salt joust er by. Mar hawar! hwet forweddest erop, den scil ik in ütfal op dy faem dwaen.quot;

„Der wedden ieris twa en de iene forlear it,quot; seit Rikeie. „Elk moat syn eigen dwaen mar witte, ik wol de iene han der net om yn \'e oare lizze.quot;

Sa hienc se dêr yet al mear praetsjes dêr \'t de lommert gjin jild op jout. Hja woene elkoar wol ris polskje, mar elk tocht sines en halde in slach om \'e earmtakke. Hja seijen elkoar it neiste, mar \'t alderneiste halden se for hjar seis. — En yn \'t neihüsgean tocht de iene: „De dei mar net mear fen luis stelle, it scoe oars ris fiskjen efter \'t net wirde kinne,quot; — en de oare: „Dy \'t earst komt, dy\'t earst mealt; dy \'t hwet wol moat er mar yntiids by wêze,quot; sei de boer, do siet er do inoarns healwei fiven oan \'e hals ta yn \'e feart.quot; — En de trêdde tochte: „Ik weagje der in stuit oan: it moat mar in gouden kjetting wirde of in izeren. Is \'t mis den is \'t mis, den is dêr yet gjin kou om \'e hals. Der binne op \'t lest mear frouljue as tsjerken en is de iene traech de oare is graech.quot;

-ocr page 18-

i2

Sctske en lijar dochter sieten de sneintojouns togearre by de tafel en de iene sei neat en de oare halde hjar stil; der like op dat stuit gjin klaphout to forsjitten to wezen. Dèr gyng de doar, der kaem ion de gong lans en de kea-mer yn, — dat wie Rikelc.

„Hwet scille wy nou bilibje?quot; tocht Lekke en krige in kaem sa read as bloed. Mar Sefske wie gau biredt, hwent it wie krekt oft it hjar sein waerd: „Dat koe wol ris om my to dwaen wêze.quot; Hja sette in stoel en joech piip en tabak. Hy bigoun to praten oer \'t waer en Setske joech him reden en biskie sa \'t hearde, mar Lokke siet der by mei de müle fol tosken.

Fordeald! der gyng de doar wer, dor kaem wer ien yn: dat wie Japik. — „Nou komt it hwet by,quot; tocht Lokke. Hja bitsjinne de feint en waerd yn ienon Hotter eu praets-ker. Do \'t Japik op \'e tekst kaem sei er: „It het jister-nacht waeid, dnt saun divels koene gjin strie keare. Us houten skoarsticn is fen hoppen waeid, üs bürmans aid tekskürre is sa rüch as in doffert, dér binno tochtgatten yn waeid sa great as disse keamer en wy habbe in heap óf-waeide apels krige dêr \'t min mei gjin oanrin oer springe kin.quot;

Lokke tochte: „Dat hinne allegearre ófwaeide praetajes.quot;

Wyls \'t se dat tochto kaem er wrachtich yet in frijer oan. Dat wie Harke. Do\'t dy goed to sit wie, sei Rikele: „Tt folk koTiit by de Ijne.quot; Japik foego dêr by: „Tnje is skippers rjucht.quot;

„En ien for do feint,quot; smiet Setske dêr oer hinne.

Do sei Harke: „Dat is in skoech dy \'t my past. En Setske wer: „As er den mar net knypt.quot;

Mar Lokke tocht: „Nou rint it ray oer \'e fust. Dit is to folie op in sruit, hjir is gjin trochkomraen oan.quot;

De feinten rekken oan \'t smoken dat it roet hjarren yn

-ocr page 19-

13

1t hier hinge en oa.n \'t praten dat it yn \'e pannen davere. Setske wie sa libben op \'c tried alheel nuver; hja lei de moaiste wiggen foar \'t finster. Mar Lokke hie in swiere mütse op ; hja praette as de balstiomien by aids. Njunkelytscn waerd se stil wei; hja wynde ta de efterdoar üt en spilo de wyk nei hjar spylfaem Uoede ïeatske, dy \'t in pear huzen fen hjar óf wenne.

Teatske siet allinne en liet fen alles yn hjar holle om-gean, en \'t eintjebislüt der fen wie, dat se sei: „It minske-libben is altyd gjin rys mei rezinen, it is ek wol ris groat mei kródde.quot;

Dy Teatske, moatte jimme tinke, wier eigentlyk allike bang fen manljue as in bidler fen dübeltsjes. —Do\'t Lokke by hjar ynkaem róp se forheard; „Nou bin\'k forlegen! Ik hie gjinien hjir minder forwachte as dy op disse ure.quot;

Lokke sei: „De weelde docht it my net, dat ik hjir kom. Ik bin der fen binaudheid üt knypt. Dor sitte mar efkes trije feinten bij uzos.quot;

Do bigoun Teats to bearen: „Der is gjin smiten mei de mutse nei! Nou ha wy \'t onwaer yet net hawn. Ik mei wol sizzo lyk as dy earrae boerefeint, dy to Ljouwert nei \'t Burmanjehüs stie to sjên : „Greate hear yn \'t himelryk, hwet binn\' jou gaven ongelyk; de iene jouwe je dübold on dwers, en de oarc het gjin bliksem.quot;

„To mar! Kin \'t ek malder, Teats?quot;

„Ei nou, as \'t brij reint lizze rayn skütels altyd omkeard.quot;

„Och hea! sit him der de oast? Nou, dou kinst wol ien fen de trijo fen my oer krije.quot;

„Ei fij! hwet is min goedorjousk. It scil to biduchten stean, Lolk, ast dou dêr hwet oer to kedizen heste. En den scoest tominsten altyd seis de earste kar wol ha wolle. Mar hwetat

-ocr page 20-

14

dou Afkatteste, dat hoef ik net. Den mar Ijeaver mei droege lippen en kalde foetten nei bêd. — En dy lebbige Japik ïv ullesmoar, dy woe \'k net ha al fleach er my nei. Dy fint woe \'k Ijeaver yn \'e loft op slingerje sa heech, dat er in aid mantsje wier as er wer del kaem. Hy het fen my to lekskoaijen lein, dat is my trochdien van ien dy \'t heard het. — Doede Teats, het er sein, dy skeelt it net oan \'e langte, mar oan \'e ronnte.quot;

„Nou, missei er dêr hwet oan ?quot;

„Missei er dêr hwet oan?! Hald dou dy mar dom, Lolk, den bist frij fen pompen. Dêr miende er ommers mei, dat ik to lang bin om moai hjitte to kinnon en to min jüd hab om gading for him to wezen. Dat sit my heech ! mar ik soil him dat yn \'e eagen drippe litte. Sa gau \'k him onder \'e slach krij, scil \'k it him op syn brea lizze en ek sa, dat it him lang dwers yn \'e mage sitte kin. Hy is ommers seis ek in skraeits, in deaman op \'t goezzebrief, sa meager, dat er wol efter in reid skulje kin. Hy scil in oai1 de gek oanstekke en hy kin seis do gekken net fen \'e hiid keare. Hy draecht nou ek sa\'n nijmoadrige wide broek, nou is \'t in mingelen bokse en in pegel bil. Hy mocht wol ris yn lije malke to weak om hwet üt to tinen.quot;

„Fij Teats, hwet joust raer güd op,quot; sei Lokke. „Dou host in forkcard steed yn \'e holle, leau \'k. As ik dy net koe, scoe \'k tinke: hja mient it. Mar dou mienst der ommers gjin hier fen op dyn holle. Dy \'t de waer lekket makket dor gading oan. Ik scoe him mar net al te mal ófskilderje. Invent aste efternei dyn eigen wirden ris wer opslokkc maste, scoest dêr in hopen kokhalsjen mei krije kinne. Eart moat soms wol ris wer foer wirde, tink dêr efkes om.quot;

„Praet dou dy mar skiën üt, Lokke.quot; — Ast dou sok lekskoaijen for süker opnimme kinste, ik net, hear! —

-ocr page 21-

15

Hy het ek sein, ik wie sa\'n Ijeaf okkebyld, ik hie in moaije kop om op \'troer fen in potskip. Nou, sje der! ik woe oramers Ijeaver dat ik stau as in yeskpot as dat ik mei sa\'n labbekak opslaen scoe.quot;

„Nou, mar hark lis,quot; sei Lokke, „us mem kin der joun mei oanpiele, lyk as \'t aldwiif mei de hinnepiken. Hja is fen ien winter sa aid net en ek goed yn \'t salt bibiten. Hja scil hjar der wol troch redde, en ik bin der net tsjin opwoechsen.quot;

„Sa min hie \'k doch net wêze wold,quot; sei Teats. — „En wost wol leauwe, dat der in rare neiklap fen komt? — Dit nijs fljucht moarn as diggelfjür troch \'t doarp; husriem wirdt it forteld. Ast dou moarntojoun de bürren lans kom-ste, den kinst gjin kop heel halde; dou krigest skimpskoa-ten efternei de iene by de oare. En dou bist for altyd for-spein, der kinst dy mar nei sette. De feinten wirde mei disse set sa goed forballe, dat der noait wer ien nei dy tale scil.quot;

„Ja,quot; seit Lokke, „it is in boel mei in byboel. Ik sit twisken \'t fjür en de briedpanne. Ik wit net hwet wei \'k er mei üt soil.quot;

„Dou mast er better wêze doare, fanke. It scoe my sa nij dwaen as fleanen as \'k dat net klear spylje koe. Mei de romte is ommers altyd better to rieden as mei de krapte. Ik moat sizze, Lolk, dou falst my heislik of.quot;

„Offallen is yn \'e wrald,quot; sei Lokke. „Mar ik woe wol, Teats, dat ik to nacht by dy sliepe koe.quot;

„It wirdt ho langer hoe moaijer! Ja, om my graech, sa wiis bist wol; mar dat wirdt al hwet in taeije sneed. Dou witste hwet üs heite kwael is. Dêr hoef ik gjin doekjes om to winen, hwent de hele wrald wit it wol. Ho \'t my dat yn \'e wei is kin \'k gjin minske sizze, hwent ik wird dei-mei op oansjoen, al ha \'k er sa min skild oan as in lyts

t

-ocr page 22-

bern. Min seit. wol; alles wirdt in wenst, it hingjen oan \'e hals ek; mar alle wenst is net allike noAlik. Joun let komt er thüs, den het er \'t jak oan. Ik siz \'t dy, den het ev \'t net fen hearreu en sizzen, den het er de baes seis spritsen. En den is er sa lilk as in baerch, sa dwers as in hispel en sa onbruksum as fiif tsjellen yn in wein. Den is der g\'jin hfis mei him to halden, Invent hy het sa\'a akeli-ke lilke drank oer him. Oars is er sa goed as er hcech is, mar dy geast fen ïsjitskemoai is in kweade geast. Den is der great kans, Lokke, dat or dy ek ütmakket oftst gjin turf heech biste.quot;

Lokke sei: „Dat moat syn hert ophelje. Hy soil my der net troch nimme, hoopje\'k. Hy hot ommers neat op my tsj in.quot;

„Och fanke! dou hest him op \'t malst noait sjoen, hwent hy is, ta gelok, yet net Fa fier as Pieter Okkes; dy is deis mar ienkear dronken, en dat altyd.quot;

„Nou, ik bin net sa gau bang fen Sinteklaes.quot;

„Nou kom! trije nochteren keallen -— feinten woe quot;k sizze, dêr bist bang fen en in dronkene dwerskop, dy \'t it mal fel oan het en \'t forstan gjin plak jout, dêr scoest net bang fen wêze? Dit wirdt my to geleard, Lokke.quot;

„Ja, mar hou ris. Teats; dat sjucht üt oare eagen. Dat is for my in hangizer om oan to gean, mar jimme heite gebolder kin \'k by de rêch delglide litte.quot;

ïsjitskemoai, it winkelwyfko, forkocht stopjern troch de trachter, dat is to sizzen: fen dat tinne güd dêr \'t de soldaten sa fen flokke kinne. As earmsterke ljue, dy quot;t sa linich in romer it onderst hoppe tille kinne, dêr hwet to-folle fen ynnamen, den krigen se de geast fen ïsjitskemoai. Den hiene se striene skonken en de koarts yn \'e

-ocr page 23-

17

teannen, den praetten se mei in slach yn \'e tonge en sea-gen de wrald for in doedelsek oan.

Yn Teije weinmakers efterkeammerke sieten fiif swiete prieuwers om \'e tafel. Baes Teije seis wie noemer ien en Doede, ïeatske heit, noemer twa. De oare trije wieren: Olfert, by menear fen sprekken, Binne, wol to forstean, en Ealse, moat je telle.

Baes Teije kriget in bobbel ut it tafels-laed en seit: „Ho tinke de frjeonen der oer?quot;

Olfort seit: Dat is in lichem zonder siel, in lantearne sonder Ijocht, by menear fen sprekken.quot;

„Der moat in omgong for dien wirde, ha \'k foar \'t doel,quot; seit Doede.

„Ja, botsen by botsen, wol to forstean,quot; seit Binne.

En Ealse foeget der by: „Elk syn part, den het de di-vel nin byt, moat je telle.quot;

Elk jout in mannich cinten en baes rekket foart mei de bobbel.

„Ik ha foar \'t doel,quot; seit Doede, „in slokje miskomt net, mar tofolle is dommeljues wirk.quot;

„Dat is, by menear fen sprekken, for in kear ek gjin deasonde,quot; seit Olfert. „In goed séman kriget wol ris in wiet seil, en dronken is altyd better as gek.quot;

En Ealse: „Dat skoert net üt; jy ha \'t by \'t rjuchte ein. It wirdt for de gies net broud, moat je telle.quot;

„Wol to forstean,quot; seit Binne, „min moat yen seis net weismite. Dy \'t him seis tokrommelt wirdt fen \'e hinnen opfretten, en dy \'t net fen \'o bargen omwrot wirde wol moat net op \'e riichskerne lizzen gean. In party sette alle dagen it flêsk yn \'e pikel, mar ik siz, dat binn\' gjin kearels !

Baes Teije kaem werom mei de geast fen Tsjitskemoai yn \'e bobbel. Der kaem in alderwetske romer foar \'t Ijocht sa great dat se der mei de beide eagen tagelyk yn sjên

2

-ocr page 24-

18

koene, in ding as de Tsjeukemar, — greater net. Dy waerd fol skonken. Baes biet seis de kop er óf en sei: „Dat smak-ket al wer skoan. As \'k it earste yn \'e müle krij is \'t krekt oft der my in ingeltsje op \'e tonge pisset. Hawar, Olfert, nieitse \'t hert er ris kjel.quot;

„Dat mei wol,quot; seit Olfert. „It is deis altyd arbeidsjen hwet de klok slacht en der is rook noch smaek oan. Adam het üs, by menear fen sprekken, al in lilke pots bakt mei syn apelbiten. Nou binne wy for altyd de lider ?

„Wol to forstean,quot; seit Binne, „hy het him fen \'t wiif bijeuzelje litten, oars wie \'t goed biteard.quot;

Ealse sei: „It each sjucht altyd fen him. Wy binne al-legearre koeke fen ien daei, moat jy telle, en makken \'t licht neat better.quot;

„As jy dat mar yn \'e kikert ha,quot; sei Doede, wyls \'t er in küle yne romer loek. „Ik ha foar \'t doel om der ris in stikje fen om to lizzen. Harkje mar ris. Domeny roan \'t fjild troch om syn middeimiel hwet to fortraepjen. Dêr hearde er dat Hans, dy \'t yn \'e sleat stie, yn him seis kreunde: „Och, Adam! och Adam!quot; — „Hwet wol Hans mei Adam?quot; frege domeny. „Lit dy man mar rêste, net?—■ „Ik wol him graech rêste litte, domeny, mar Adam syn apelstellen, dêr kin \'k my noait rjucht by deljaen. Hied er dat net dien, dan stie ik hjir net to slatten dat de rêch my knapt.quot; — „Dat is earder sein as bi wezen,quot; sei domeny. „As de kniper op \'e skine kaem wiest dou licht ek in hird man op in weak tsiis, krekt as hy.quot;— „Praet der net oer, domeny, hy wier in kearel fen neat, hy foei yn ienen sa mar troch de koer.quot; — „Komst moarn mei \'t wiif by my to tsjok-iten. Hans? — „Dat is slim to wegerjen,quot; sei Hans. „Sa wirdt it my alle dagen net oanbean.quot; — „Of-praetquot;, sei dominy. — De oare deis sieten Hans en \'t wiif yn \'e pasterije by de tafel, dêr \'t fen alles op stie hwet

-ocr page 25-

19

goed smakke. — Domeny sei: „Ik ha hjüd in hele bulte izer yn \'t fjür ; ik wit hast net hwêr \'t my de holle stiet en hwêr \'k earst of lest wêze moat. Jimme moatte marite, ik kin net earder as strak. „Hwet nédichst is moat earst,quot; sei de man, do bmide er syn jonge. Bear mar dat jimme thiis binne en doch as dat jimme ut binne. Mar hjir stiet in panne mei in lid er op, dPr meije jimme net oan komme en ok net yn sjên. Dat is myn krouske. — Yt nou mar as in slatter, Hans!quot; — Domeny gyng syn wegen en Hans en \'t wiif setten fon \'t ein mei foarke en leppel. Hja warden har in poaske dapper, sonder folio praten. As de katten nvuzje binne se stil. Do \'t de hjitste hei hwet oer wier sei Hans: „In goed middeimiel is doch in skoane iltfining.quot; „Ja,quot; sei \'t wiif, „iten is moai wirk, it is spitich, dat min \'t net lang folhalde kin. Ik ha, leau\'k, al tofolle yn \'e panne, ik kin myn brief net léze.quot; — „Dêr ha wy\'t al,quot; sei Hans, „it each greater as \'t liif. Mar dat is to bernhaftich for in great minske.quot; —• „Hwet scoe dêr yn dy panne wêze. Hans, mei dat lid er op?quot; — „Misskien wol hoepstokken en fin-sterbanken,quot; sei Hans, „mar \'t kin my neat skele, ik stek de piip ris oan. Sa\'n giseling dêr moat in branmerk op.quot; „Ei nou. Hans, til dat lid efkes op.quot; — „Kom, gekheid !quot; sei Hans; „yt mar! it wirdt dy for in miel tarekkene.quot; — „Ite kin \'k net mear, al scoe \'k er om dea. Ik bin sa fol, dat ik kin \'t, leau \'k, wol mei do finger rikke. Hwet is dat nou. Hans, om dat lid efkes op to tillen?quot; — „Dou plea-gcst my mear as myn jild, Lys, en dou haldst oan as stofrein. Nou den!quot; — H;ins tilde \'t lid op; de panne wie oars leech, mar der kaem in müske üt snjitten, dat ding wie sa rêd as wetter en dalik wei.— „Och heden!quot; sei Hans bidêst, „nou, ha \'k it yn\'e rekken hwêr \'t dit op ntdraeije sell. Ik woe wol om in moai ding dat it net bard wie. It scil op üs lan waeije, Lys, mar \'t is dyn scild.quot; — Dome-

-ocr page 26-

20

ny kaem yn, en do \'t er Hans mar ris goed oanseach sei dy al; „Lys het sa lang eamele, dat . . . „Hark ris, Hans!quot; sei domeny, ,dou bist in kearel fen neat, dou foelst emmers ek yn ienen troch de koer.quot; Hans wie sa fen \'e wize dat de lea staetteu him oan, en hy wist net hwêr \'t er syn eagen draeije scoe, fon skaemte. De hel waerd him der op dat stuit gans in bytsje waerm stookt. — JSou, is\'t net moaiP \'t Is doch wol aerdich.quot;

„Ja,quot; sei baes Teije, „it is in moai loopke, sei de jonge, en hy hie syn moor by \'t tou!quot;

„Ja, mar elk kin der fen nimme hwet him goedtinkt, moat jy telle.quot;

„En dy \'t gjin houten noas het kin der mar oan rüke, by menear fen sprekken.quot;

„Wol to forstean, min kin ut alles wol hwet süge, mar \'t komt my net oan \'e kalde klean. Wy moatte ris wer ombringe, net?quot;

„Kom ja,quot; seit Doede, dy \'t onder \'t fortellen altyd troch mei de ban oan \'e romer sitten het. „Ho is \'t? Ha \'k preaun of meat \'k prieuwe ? Nou, kom, better twaris wis as ienris mis.quot; — Hy naem yet in hap on joech ïeije de romer.

Hja pimpelen stadich-oan; hjar eigen rêch koene se al net ienris sjên. Mar do \'t de bobbel leech-roan wie waerd er yet ris fol helle. Der wieren guds onder \'t selskip al sadanich oanbarnd, dat se hast net fen \'e stoel komme koene.quot;

Op \'t lest sei baes Teije: „Wol ien fen \'o frjeonen it lykje ek yet ris sjên? Oars scille wy\'t kistje mar slute.quot; — En do kaem de lege bobbel wer yn \'t tafels-laed.

Do \'t Doede bütendoar kaem, seach er de stjerloft for in eart-sou oan en de moanne for in skieppetsiis; mar hy kaem dóch bihalden oer. Us Ijeavenhear past op lytse bern

-ocr page 27-

21

en dronkene ljue. oars barden der folie mear ongelokkon, scoe \'t net ?

Teatske en Lokke wieren for tiidkoarting bigoun to pi-pernütsjen. Hja sieten to toerkebouwen, do ;t Doede thiis staitsjen kaem mei in baes stik lead op \'e holle.

„Bist dou hjir Lolk?quot; sei er. „Kom, den gean ik nei dyn mem to jounpizeljen. Dat ha \'k lano; al foar\'t doel hawn, mar \'t bleau by quot;t scillen. Nou wol \'k er gjin gears mear oer waechse litte.quot;

„Myn ginst, Doede! üs mem ieit al mei \'t fel oer \'e eagen.quot;

„Dou kinst better lige as fleano, dat wit ik wol.quot;

„O, Teatske!quot; sei Lokke, „as er dat lapt, den rint it spil yn \'e gek.quot;

„Ik scil der in skoatteltsje foar strikequot;, sei Teatske. „Kom mar!quot;

Hja glüpten him linich foarby ta de kaemer ut, en do kaem de doar op \'t slot. — Hy bigoun freeslik yn \'t stiel to biten, der foelen forskate knopen fen syn jas. Mar njunkelytsen foei er dóch yn \'e lijte, hy like onder \'o wol krüpt to wêzen.

Do \'t gt;folle Setske \'t yn \'e noas krige dat Lokke de boel oan \'t lot oerliet, do sei se njunkelytsen: „Peinten, jimme hcarring bredt hjir joun net. Lokke is hazzelieren gien en lit my der for sitte. Xou moat ik it punt der mar ofbite Jimme scille alle trije op in blauwe kjêdde nei hils moatte.quot;

Rikele sei: „Jy binne efkes to gau üt \'e rie, Setske: As jy miene, dat ik om Lokke kom, den binn\'jy de planke mis.quot;

„Dit is oare thé,quot; sei Setske. „Mar ik mei in beantsje wêze as \'k it net tocht ha.quot;

-ocr page 28-

22

Japik knyp-eage tsjin IJ ark e en sei: „ Ik hab ek net sein, dat ik om Lokke kaom.quot;

„En ik ek net,quot; sei Harke.

Dat wie om Rikelo yn \'t fanvetter to sitten.

„j^ou kom,quot; sei Setske, „hjir moat in goed gelove by ; dit is in koalraep fen ien yn \'e tonne, seoe\'k tinke. Mar ik kin mis wêze, men sjucht in minske wol tbar de kop, mar net yn \'t krop. As jimme sa prate, den moat ik in oar laedtsje op luke. Ik seoe nou sizze kinne: jimme moatte er om riede of der om omstean, mar sa rom komt it skraechwirk cm. Ik wol jimme alle trije oer ien kaem skeare. Ik hab in neef\', dy is sa fornimstieh, dat hy kin wol troch in planke sjên as der mar in gat yn is. Dy het ns in aerdiehheidtsje leard, dêr wol quot;k jimme ris op to gast ha, en hwa fen jimmen it knapst opskippert kriget in reade letter yn quot;t almenak.

Hja soeht in byt kryt en skreau op \'e tafel: Gr. T. M. W. K. — ,Dêr moatte wirden op makke wirde, dy \'t sa goed op hjar poaten stean, dat immen dy \'t syn forstan net bjuster is, der kop en stirt oan wit to finen. Nou alle-gearro net tagelyk; de tiid is uzes mei-inoar en \'t leste skip moat ek fracht ha.quot;

Japik sei! „Dy \'t efteroan komt bite de hounen; it fjur wirdt ns hjir oan \'e teannen lein, mar ik scil der wol gau in slaeh nei slaen. Ik siz: Gods Troost Mag Wel Komen.quot;

„Ho is \'t, Japik,quot; seit Harke, „best dou mei in doineny op en nt wést? Ik stek mar net tier fen wal en \'k bliuw by myn eigen effear, dêr bin \'k bést mei akkedearre. Ik siz; Grouwe Touwen Meitse Wide Klüzen.quot;

Rikele sei: „Nou ha jimme my it gears al hwet foar de teannen weimeand. Mar mei \'k ek fen efteien op?quot;

„Ja,quot; sei Setske, „it stekt sa nau net as in hanfol spjel-den. As \'t net kin sa \'t moat, den moat it mar sa \'t kin.

-ocr page 29-

23

Wy litte üs net oan iu strie bine sa lang der tou is.quot;

„Goed,quot; sei Rikele; „den siz ik: Kom, Wy Moatte Trouwen Geau.quot;

„Kom, dou seist mar hwer \'t op stiet,quot; seit Japik.

„Ja, hy fait mei de héle wal lit,quot; seit Harke.

„Ja, mar,quot; seit Setske, „dit komt al to hommels fen hoppen del. Efkes bidaerd oan, net ? Min kin net fen \'e groun op \'e souder stappe, en min moatte er net yn rinne as de bolle yu \'e rcak.quot;

liikele sei: „Jimme moatte my nimme sa \'k bin; ik bin ien lit it hele hout.quot;

Dér kamen Lokke en Teatske de keamer yn.

„O,quot; sei Japik, „dit is in stik buter yn \'e bry. Al wie \'t sa bisteld den hoefde \'t net moaijer. Nou binn\' wy yn ienen ynsleiu, it folk komt by de ljue. Rikele, dou neijer oan Setske, en den hjir in faem, en der in faem. Teatske, dou hjir mar, den komst op \'e goede njuggen.quot;

„Dat koe for dy de kweade njuggen wol ris wirde, Japik. Dou hest de müle sa oer my spield: forhip dou, om my, yn \'t mosterstip.quot;

„Och heden! hest de bokkeprük op? Nou, dat soil wol wor oerbetterje earst in aid wiif biste. Kom hjir mar, don scille wy \'t wer yn \'t lyk prate.quot;

„Om gjin ding! Needhelp wêze, der bin \'k net fen thiis. „Ik woe Ijeaver datst dou op \'e toer sietste.quot;

Setske sei: „Kom, kom. Teats! gjin gedwersbongel. De mule seit safolle dat it hert not mient. Scilst dou hjir de kat yn \'t jêrn smite? Der bin ik net fen thiis. Wy wolle hjir joun gjin onfrede ha. Dou mast hwet oersljuchtsje.quot;

„Nou den,quot; sei Teats, „om jo to wille to wezen, Setske, en om hjir gjin spilbrekker to wezen seil ik it dwaen, mar \'t is myn kop oars net. Hy mei him wol ketoen halde €n oppasse dat er syn bekje net tofolle wille jout, oars

-ocr page 30-

24

het er kans dat ik joun in raer ding fen him meitse. Sa\'n twintermich, sa\'n bienbitige bkroar, dy lit ik efkes de fjouwer hoeken fen \'e keamer sjên as \'t wêze moat.quot;

Setske sei: „Ik ha dy wol earder heard. Blaffers binn\' gjin biters. It onlijige waer scil daiik wol hwet bisakje, hoopje \'k.quot;

ITou, sa kaem it ek, Hja wieren dêr mei gauwens mei \'noar sa plesierich as in nést fol jonge katten.

Eu nou kinne jimme wol miene dat ik it liich, mar it is sa wier as Wopke libbet: gjin twa jier nei dy tiid wieren dy seis minsken trije troude pearen. — Dêrom sei \'k om-mers net forgees; as de iene sin oan \'e dochter het en de oare oan \'e moer, den komme se beide oan \'e man.

It fortribele Boask.

Frou Sibbel wier de widdou fan Pier Hobbenga; dat wier in man Mei frij hwet jild en eigen lan, Mar gjin oerstallich great forstan. Hja hien\' gjin bern, dy ljuwe, mar Hy makke foar syn stjerren hjar Al hwet er hie allinne ta.

Sa koe se in hearlik libben ha.

It minske wier yet lang net aid En wol oannimlik foar de wrald. Hja hie de müle fiks to baet, En wolbislipe wie hjar praet.

En elk bigrypte \'t ga;i, hja woe Yet wol ris trouwe aa \'t lokke koe.

-ocr page 31-

25

Al wier se fen kom-óf mar leech,

It hert siet Sibbel frijhwet heech. De doarpsljue seijen tsjin hjar: „Prou\'\'. Der koe se \'t net to goed mei ou: Hja woe graech „jiffrouquot; hjitte, ja, „Mefrouquot; like ek wol moai hjar ta.

Den moast se trouwe mei in hear! — Hja krige al twa of trije kear Ris frijers fen \'e boerestan,

Mar sokken wiisd\' se fen \'e han.

In jonge jiffer üt \'e stêd,

In linich ding, fen tonge glêd,

Dy \'t om in plak forlegen wie.

Mar \'t net Ijeafst al to bannich hie, Naem Sibbel by hjar. Sa\'n ien koe Hjar leare hwat se leare woe.

Foarearst sneinspraten, en dêrby Heechskeepske komplimenterij,

Mei al sok soart fen dingen, der \'t It boerefolk gjin slach fen het.

Hja kearde mei dat ien en oar De boerske frijers buten doar; Mar hearen kamen ek net gau.

Sa kaem it, dat de rike frou In jier of fjouwer widdou bleau,

Ho raer dat liket yn disse ieu.

Hja seis hie dat alheel net tocht.

Mar \'t wie net oars. Frou Sibbel brocht

Hjar measte tiid troch mei de kat.

Sjuch, eltse minske het wol hwet,

Hwerop er sin en wille set,

Dêr \'t jamk in car de gek mei het.

-ocr page 32-

26

Fen bern óf oan wie Sibbel al Mei katten altyd tige mal.

Dat wie hjar swak ek jiinmer bleaun, Hja moast in poeske ha ta frjeon.

En do \'t se in riko widdou wie, En sahwet neat gjin d rok te hie,

Do hie se in greato swarten ien. In prachtich dier, sei mannichien. Mei snilt en boarst sa wyt as kryt. It puntsje fen de stirt ek wyt Eq fjouwer wite sokjes can.

Dat beest hie \'t altyd nüvre skoan. Hja glimde as side, en hja wie Sa snoad as roet, frou Sibbel hie Hjar leard al hwet se leare koe;

Ek det se minsketael forstoe.

ïo sizzen, Hollaask; Frysk nou net, Dat waerd dor yn \'e bus net heard.

Dat beest, sa frjeonlik en sa trou,

quot;Wier altyd om en by de frou.

Mar al ho\'n wille dat hjar wie,

Dóch bleau it jimmer sa, hja hie Hjar sin net ear \'t er immen kaem, Dy \'t hja graech ta hjar echtfrjeon naem.

Mar Sibbel krige gjin mear fraech. — Mynhear Sjirk Oenes fen der Haech Dy wenne yn \'t doarp as frijgesel. Hy joech him der ienfaldich del En makke neat gjin drokte yn \'t lan. Hy hearde ta in hege stan,

Mar sjnch, syn ynkomst wie net great. To sizzen, nei syn rang en steat.

-ocr page 33-

27

Eu dêrom tocht er altyd sa,

ïïy koed er net in wiif by ha,

Omdat er wol bigripe koe,

Dat ien dy \'t hy wol habbe woe Scoe him net nimme. En wie der ien, Dy \'t him wol habbe woe miskien, Dy scoe net woze nei syn sin,

En He licht ek al jild to min.

Hwet nimmer yn him opkomd wie: Dat ien dy \'t tige moppen hie En flink en fleurich hjitte koe,

Op him hjar eagen smite scoe.

Dat wie dóch wier. Frou Sibbel wie \'t, Dy \'t deis oer him to malen siet.

Hja toclit, wy passo elkoarren krekt, Hwent ik ha jild, dat hirn ontbrekt. En hy bringt my ta heger rang;

Dêryn stol ik in great bilang.

Hy liket ek sa\'n goedlik hear.

My tinkt, ik spylje \'t maklik klear. Dat \'k goed him ondr\'e toft\'el krij En hald yn \'t hüs de hearskippij.

Dat like nou sa wol foar \'t each.

Mar \'t wie sa net. Mynhear dy teach Him soms in ding onbidich oan.

En den wier glPd it spil bidoarn. Den dürre \'t wol in hele dei Ear \'t wer de man Inrct frjeonliks sei. Der wist de frou nin greve! fan; Hja hie gjin omgong mei de man.

-ocr page 34-

28

It plan wacrd swietwei ryp by hjar. De swicrricliheid wie yette mar: Ho koe se \'t him to kennen jaen Mei skik, hwOrom \'t hjar wie dwaon ? Mar dêr waerd gau in smeet op foun Fen jifFer Line. Dy bigoun Hjar mei mynhear syn husfroufaem Fortroud to meitsen, — en sa kaem Hja nou en den dêr ek oan hus. Dêr hien\' se den gekonkelfüs Oer strietnijs en oer fnjerij.

En skielik wist mynhears Marij Hwêrom \'t frou Sibbel wier to dwaen. Om dat hjar hearskip oer to slaen Mei \'n grappich wirdsje dêr by lans, Dêrfor wier ek Marij wol mansk. —

Earst smiet mynhear dat wit ho fier. Hy waerd der lilk om, sikerwier. Mar do \'t mei goed beleid de faem Der faker oer to praten kacm, Do tocht him njunkenlytsen ek, Dy slach wie wrychtich net sa gek. Do sei er: „As \'k er wis fen bin. Dat \'k net in blauke by hjar rin, Den wol ik wol ris nei hjar ta, En neijer kennis mei hjar ha.quot;

Marij sei: „Dat komt maklik ld ear.quot; Hja brocht it boadskip, dat mynhear, As him de frou forwachtsje koe,

Hjar wol in ürke sprekke woe. En \'t andert wier yn ienen: „Ja!quot; — Dat kin me wol fen tinken ha.

-ocr page 35-

29

Mynhear kaom op \'e joun. Hy waerd Yn \'e aldermoaiste keamer laet.

Mar do \'t er binnen stappe scoe, Do trape er, — ik wit sels net ho — De grouwe kat krekt op \'e stirt. Dy guide ougryslik en fleach hird Nei eftren ta. Mynhear waerd kjel En wier alhiel end al fen \'t stel. Fen katten wie \'r as fjür sa bang; Hy hie syn hele libben lang De pest hawn can dat tsjoenstergud. Nou woe \'r yn ionen wol wer foart; Hy seach it wol, hy hie hwet dien, Det gyng de frou troch mirch en biiM. En hja seach syn ontsteltnis ek. Mar beide halden s\' hjar tobek.

En do \'t de man mar ienkear siet quot;Wier Sibbel danich op \'e tried. Mynhear wie fen sa\'n hirde skrik Yn ienen net wer by syn stik,

Mar \'t sakke dóch al mei de tiid. Do wier frou Sibbel o! sa bliid!

Mar hwet ik efkes sizze moat:

Dit stik is yn in hoeke bard,

Dèr \'t mannich boarger en mynhear \'t Net stridich achtet mei syn ear, Echtfrysk to praten. Fen der Haech quot;Wier ek ien fen dat echte laech; Hy praette Frysk al hwêr \'t er kaem, \'t Sy by gering of by foarnaem.

Frou Sibbel praette stêdsk altyd,

-ocr page 36-

30

Hja wie, sa micnd\' se, \'t Frysk al kwyt. By de earste komst klonk dat mynhear Yn ienen al forkeard yn \'t ear,

Hy sei; „Jy Jainn\' fen boerelaech, Ik hear dat stêdsk fen jo net gi-aech. Ik praet sa lang ik prate kin Myn Frysk, en as ik hjir nou bin, Wol \'k Ijeafst fon jo gjin Hollansk ha.\' — „O, heden!quot; sei se, „stiet it sa? Nou, den scil ik myn bOst wol dwaen Om dêryn jo jou sin to jaen.quot; —

Do praett\' se Frysk, ek tige flot. — De jiffer, dy \'t altyd de spot Hie mei de boeretael, koe nou.

Do \'t hja dat hearde fen de frou. It laeitsen net bitwinge. Mar,

Dy deale! dat biroude hjar.

Hja krige in leksum fen mynhear Sa kras, det laeitsen hoefde n\'t mear.

Hja gyng de keamer üt. Hy sei: „D^r docht se my gjin ontsjinst mei. Ik mei dat tloddrich stedljues-bern Mar Ijeaver gean as kommen sjên. Dat skepsei het my neat misdien.

Mar \'k ha \'t op hjar net malle grien. Hwêrom, det wit ik seis net, mar Ik hab in tjsinnichheid yn hjar.quot;

ITja sieten den togearre op \'t IGst, En Sibbel die onfoech hjar best Mei frjeonlik praet en flaeijerij En glimkes nei de kinst dêrbij.

-ocr page 37-

31

Hja krige in béste flesse wyn En skonk for hjar togearre \'s yn. En o! hja sieten dêr sa kus;

Hja siet him omtrint yn \'e bus.

Hy liet him lykwol net folie üt En bleau net lang ; mar ta bislüt,

Do sei er: „Ik kom graech ris wer, As \'k mar gjin Hollansk praten hear En ek gjin katten sjuch. Dêr bin \'k Yet mal fen, as \'k er goed om tink.quot;

Hja sei; „\'k Onthjit it jo for test,

Jy scille fen dat beest gjin lest

Wer ha. \'k Wol tige graech jou sin

Yn alles dwaen safolle as \'t kin.

As Line jo mishaget soil

Ik tsjin hjar sizze, dat se stil

Hjar eftenit haldt as mynhear

Hjir wer ris oankomt for in kear.quot;

— „iSTou,quot; sei er, „den is \'t goed, den kom

Ik moarn of oermoarn grif werom.quot;

Sa gyng er foart: en malle gau Wier Line do wer by de frou.

Hja sei; „It liket min for my.

Ik tink, dat ik de koer op krij As jimme trouwe; hwent hy mei Net oer my, hearde \'k dat er sei. En \'k hald \'t der for, jy halde poes Den ek net langer yn \'e hüs.quot;

-—„Pas op! wy wirde alhiel net gek,quot; Sei Sibbel, „ik ha myn bistek

-ocr page 38-

32

Al yn \'e kop. Ik moat my nou In bytsje skikke, oars koe \'k him gau Porbalje. Mar dat woe \'k net graech. Bin \'k ienkear mefrou fen der Ilaech, Den scil \'k him wcnne nei myn hiln, En bringe \'m swietwei oan \'t forstan, Dat ien \'t allino n\'t witte kin,

En ik hjir foar him ynkomd bin. Né, Line bliuwt hjir. Wol den hy Boersk prate, — Hollansk prate wy. Poes wirdt ek yn hjar ear liersteld. \'k Soil net bigjinno mei gewelt; Ik Iciiu, dat \'k lykernóch al wit Ho \'t Sjirk him maklikst brüke lit. As \'k dat forstannich oanliz, kin \'k Him liede mei de lytse pink.quot;

Do roan mynhear sa nou en den By Sibbe! oan. —- Hwet kaem er fen? Dat gau troch \'t doarp it praetsje roan „Frou Sibbel het de rjuchte foun, Nou wirde dy twa grif in pear.quot; De minsken witte trochgeans mear Fen soks as immen seis. Mynhear En Sibbel hiene \'t yet net klear. Dat siet by him. Idy praette oer gjin Akkoartsjon, en for hjar wier \'t min Dêr fen to reppen. Bie se \'t praet Al nou en den dêr hinne laet, Hja foardre net. Den bearde hy As mirk er neat, — dêr bleau it by.

Dat dürre Sibbel fierst to lang,

Hwent altyd wier se in bytsje bang

-ocr page 39-

33

It scoe yet misrinne op it lést. Hja tocht: hy moat him mar for test Forbine, ja, hy soil der oan,

En as \'t in bytsje liket, moarn.

Den is \'t myn jierdei krekt, en den quot;VVol quot;k dit ek klear habbe, is myn plan. Mei Line babb le se alles oer.

Dy hie oars oan mynhear it sur, Mar tocht: ik haid my efkes dom, As \'k alles mar to witten kom.

Nou, de oare deis stie for mynhear In béste iine flesse klear.

De frou naem oan syn side plak En wier onf\'oege lak en frak.

En do \'t hy goed oan \'t prieuwen wier, Sei Sibbel: „Ho scoe \'k hjoed in jier Ris hjitte? Yet frou Hobbeuga?

Of scoe \'k in oare namme ha?quot;

Hy skikte in bytsje neijer by

En scoe hwet sizze. — Mar o, fij!

Dér icpne Line krekt de doar

En rop; „Juffrouw! kom je even voor?quot;

En wiles glüpte poeske gau

Dor yn , — en do \'t dy by de frou

Sa\'n greate freamde kearel seach,

Do wier se gau biredt, en fleach

Him by de hud op wit ho heech,

En joech him hjir en der in feech.

En granze derby as in bear.

Pen kleare kjeltme sprong mynhear

Oerein hast oan \'e souder ta.

En och! de frou ontstelde sa.

-ocr page 40-

34

Poes steurde hjar dêroan gjin bean. Hja bleau mar hingjen oan syn klean, En ho \'t er raesde, skopte en sloech, \'t Wier poes dy \'t om gjinien hwet joech. Mar einlings pakte er hjar yn \'t hier, En slingre \'t beest hwa wit ho fier. Do snijde er üt sa hird er koe.

De frou, dy \'t yet him keare woe, Rammaeide er hast omfier. Hy fleach Oer alles hinne, en Sibbel seach Him \'t hüs forlitten for altyd.

Hja wie for goed hjar frijer kwyt.

De liepe jiffer Line stie

Hjar slop to laeitsen, hwent hja hie

Dat middeltsje der op Intocht

En sa de boel yn onstjür brocht.

Hja tocht: wirdt omkoal hjir de man,

Wou, den wit ik er alles fan.

Den krij ik grif myn pasboard gau.

Mar \'t net licht wer sa goed as nou. —

Frou Sibbel het om dat forrie

Noait tocht, ho sear de ramp hjar die.

Mar \'t greatste hertsear dat min het Is \'t slimste dêrom altyd net.

Dy ljuwe wieren mei elkoar Net goed oerien komd. — Stel je foar: De frou het katten Ijeaf as hern.

De baes dy mei gjin katten sjên,

Den spint it ommers gjin goed jern.

Dêrom wier poes hjar malle set Por Sibbel lang sa\'n onheil net As hja hjar lichtwol ynbield het.

-ocr page 41-

35

Ei né! dat trouwe dior hot test Hjar hoede for in hopen lest.

Oft hja dêr poes for tanke het Of slein, — dat wit ik heide net.

Se is nou hast oan \'e sauntich ta En yette widdou Hohbenga;

Foar \'t each gjin heel oannimlik wiif, En katten het se in stik of fiif. Mar hjar kaptael wirdt stadich-oan Yet greater! sparje kin se skoan. En net ien greate bankrottier Het hjar fen \'t jier of f\'line jier, As mannichien, to pakken hawn. (1) Dus mocht yet immen yn lis lan Hjar trouwe wolle mei hjar splint, Miskien det dy gjin blauke rint. — For fêst lykwol wit ik it net,

Mar ien dy \'t dêr bistek op het Kin my mar skriuwe; hwent ik ha \'t Adres, — den stjür ik dat him ta.

1880.

1

Troch in slompe jiid fen hjarres nei de moanne to helpeiu

-ocr page 42-

Trije Frjeonen.

In teltsje üt de tiiil feu kening- Gouilebiild.

In teltsje. iluai is \'t ek, tinkt my.

Mar sei ik: dit forhael is nij,

Den leaude \'t fêst gjinicn fen jimme.

Sa\'n trouwe frjeonskip heart by üs Yn disse uije tiid net thus,

Dat scil wol dalik elk forniinrne.

Foar alvehondert-fyftich jier,

Do \'t Gondebald hjir kening wier En \'t lan mei goed forstan regearre,

Do wonnen trije edclljuw Net malle fier fen elkoar ou,

Dat wieren frjeonen allegearrc.

Do wize Sake lioddeman

t\' Almenum, wie dêr do earste fan. En Albrik, troud mei Gondbalds sister,

Wenne yn \'e Bjirmen. Hermana Dy wenne oan Mindersgea hast ta;

Hwer earne krekt, dat leit yn \'t tsjuster.

Hja wieren frjeonen en ek sa,

Dat wy se selde nou sa ha.

Hja hiene elkoarren fêst onthjitten.

-ocr page 43-

Dat de iene de oare helpe scoe Altyd en krekt safolle er koe,

Al hien\' se er ok by yn to sjitten

Forskate jierren efterien

Hie Sake greate reizen dien,

Hwêrtroch de man in hopen learde,

Omdat er do by mannich hear, De keizer en de paus en mear,

Faek lang oanien oan \'t hof forkearde.

Dy man scoe mei syn gnap forstan.

Tocht Gondebald, for him en \'t lan Wol tiaje brükber wêze kinne.

Hy naem him yn \'e hege Rie,

En as \'t dêr slim en tsjuster stie Hie Sake meast it vvird allinne.

Yn \'t liddichst wie \'r in wike of fiif Net by de kening, mar by \'t wiif. En ienkear yn sa\'n frije rite

Skreau Gondebald oan Sake; „Ik ha Bisletten om nei Ifarns ris ta En kom by dy den op bisite.quot;

Dat wier in eare al heel swiidl Dor mei wie Sake tige bliid; Syn wyfke lykwol net sa bjuster.

Hj a sei: „Ho spylje \'k dit nou klear? Ik ha net folie foarrie mear

En ek gjin jild; dit liket tsjuster!

„Seis koen we er yette wol mei ta. Mar nou ma\'k djüre spillen ha.

-ocr page 44-

38

Ik hab in hoaru, ik ha \'n petielle, (1j

Mar \'n lege skütel jout nin byt. Sa \'n kening moat ek, as er yt,

Mei \'n goede swolch de kiol troclispiele.quot;

Sjuch, al is irainen aerdich ryk,

Syn kas stiet altyd net allyk;

Dêr giet de sinne ek somtyds onder.

Sa wier \'t mei Sake sines ek.

Hy sei: „Dat treft fordealde gek!

Oars altyd jild, nou krekt er sender.quot;

Sa\'n man woe ek by elkenien,

Fen sels, net freegje om jild to lien, Al scoe \'r it heel wol krije kinne.

Prjeon Albrik yn \'e Bjirmen wie De man hwêrby er dat wol die*;

Dêr moast mar gau in boade liiune.

Nou ja, dêr rekke in feint op ta,

Dy moast it boste hynsder ha Om \'t doel mar haestich to birikken.

Mei \'n ure goed wier dy werom.

Do hie \'r in jildpong mei in som Fen hondert gouden sparpotstikken.

„Nou binn\' we yn ienen üt \'e noed,quot; Sei Sake, en \'t wyfke grypte moed.

1

De aide Friezen hiene by hjar gastmiellen twa fêste dingen, dêr \'t se fül op wieren om se krekt to habben sa *t hearde; dat wieren de petieile en de drink-hoarn. De petieile, in greate platte panne of skütel, kaem op \'e tafel mei trettsien of Qirtsieo gerjuchten der op Dèrfen kaem \'t sprekwird: «Oan \'e fryske petielle is de folie byt.\'* Yn \'t Frysk Museum fen Aldheden to Ljouwert is sa\'n alderwetske petielle fen giel koper.

-ocr page 45-

39

Hja sei: „Ik moat ray hwet forklaeije

En den mar gau nei Frjentsjer ta To keapjen hwet ik nedioh ha.

\'k Moat seis mar efkes dat biskaeije.quot;

Dat stringenearre yet al hwet.

Hja moast earst yette dit en dat Biskeuke en mei hjar folk forprate.

Hja sei: „Ik kom al letter foart As \'k woe, myn tiid wirdt bare koart To Frjentsjer; mar dat kin net bate.quot;

„Hwet\'s dat?quot; sei Sake hwet forheard.

len op in hynsder kaem mei feart De leane lilns en \'t hiem opsjitten.

Dy kaem fen Hessel Hermana Mei \'n brief, dy rikte er Sake ta. Der winske frou ek fen to witten.

Hy lies dêryn: „Goefrjeon! ik bin

Om jild forlegen en ik kin Dêr net by elkenien om rinne.

\'k Moat hondert gouden stikken ha, En dêr bin \'k earmeneed oan ta.

Jy scille \'t, hoopje \'k, skikke kinne.quot;

„Ho komt it wer sa dealse mal?quot;

Sei Sake. „Skikke kin \'k it al, Mar den ha \'k dalik seis wer lijen.quot;

Dóch joech er \'t jild yn ienen mei .Nei Hermana, towile er sei:

„Ik soil bisiikje mear to krijen.quot;

-ocr page 46-

40

Do sei de trou, alheel forslein:

„Nou bin \'k forgoed myn rie to \'n ein.quot;quot; Hy sci; „Dat is alliko folle,

Ik help in frjeon sa lang \'k hwet ha. De feiut moat wer nei Albrik ta,

Dy soil wol yet ris bystean wolle.quot;

De boade rekke yet ris foart

En die de reis wer like koart.

Nou kaem er lykwol net allinne

Werom, frjeon Albrik wier dor by.

Dy sei tsjin Sake : „\'k Ha fen dy

Gjin hichte ; \'k moast hjir mar ris hinne.

„Dit selde jild ha \'k fen \'e moarn

Dy liend, nou kom \'k er wer mei oan. Ik moast it fen \'e wike brüke,

Do stjürde \'k ien nei Hessel ta.

My tocht dy scoe \'t wol lizzen ha En my wol graech in doarn üt hike.

„Hy hie \'t net yn \'c bus, mar koe \'t Wol helje litte, sei er, \'t scoe quot;Wol ridlik gau yn oarder komme.

Jawol! myn boade kaem werom Mei disse pong en disse som.

Do stie \'k in poas alheel forstomme.

„Mar \'k sei: Dit liket mal, sje der!

Ik hie \'t net sein, do wie der wer In feint fen dy om jild to lienen.

Do waerd it siker my to slim.

Mar dealse gau biredt; ik nim It jild en reisgje mei yn ienen.

-ocr page 47-

■41

„Nou Sake, siz, ho is dat gien?quot; —

„Dy jildpong het de rounte dien, Dat kiust wol riede, net?quot; sei Sake.

„Ik liende \'t fen \'e moarn fen dy En Hessel liende \'t wer fen ray.quot; — Do wiei- \'t onfoech ho \'t Albrik lake.

En Sake en \'t wyfke laken ok.

Mar hja sei skielik: „Myn bistek Scil wol alheel toneate rinne.

Ik wit nou siker net ho \'t moat.quot; Frjeon Albrik sei: „Wy scille \'t koart En saeklik inei elkoar bispinne.

„In tróddepart kin ik mei ta,

En stiet it ek mei jimme sa.

Den bring ik Hessel ek in trêdde.

Wy witte nou fen elkoar dit. Dat nimmen fel yn romte sit.

Mar kinne üs sa wol efkes rédde.quot;

Do \'t Gondebald mei gauwens kaem En fen dit grapke hwet fornaem. Do lake dy him ek hast stikken.

„Mar,quot; sei er einlings, „is hjir sa De earmoed trüf? Dat wol \'k net ha. \'k Soil jimme hwet sjèn ta to skikken.

„\'k Ha f\'line jier mj goudjild slein,

Dêrfen is gans de wramp;ld ynflein. Mar \'k ha der ek yet gans fen lizzen.

Dêr moatte jimme hwet fen ha. Ik stjür it earstdeis jimme ta;

Hofolle — ha jim mar to sizzen.

-ocr page 48-

Nou fiele jimme .\'t, is \'t net wier?

Foar alvehondertfyftich jier Scoe dit licht moglik wêze kinno.

Mar as ik sei: „It barde nou,quot;

Den rópen jimme: „\'t Giet to grou Sok ligen mar troch alles hinne !quot;

Ja, \'t is in heel aldmoadrich stik.

Hja habbe yn \'t slot fen Adelbrik Sa\'n goudstik letter foun; de holle

Fen Gondebald er op ; der stie Ek dat it munt fen Dokkum wie.

Hwet scoe me er mear fen habbe wolle ?

Yn de Kronyk fen Winsemyus wirdt op blèds. 68 en 69 fen Sake Roddeman forhelle, dat er by kening Gondebald beech yn eare stie en folie oan \'t hof for-kearde. Ek fen syn fierder bidriuw, en ek dat yn \'e stins fen Adelbrik to Secbs-bjirrum in goudstik foun is, dér \'t oan \'e iene side in kopstik op stie en dér ombinr e : »Gondobaldus I, Adgilli Filius (Gondebald I, Adgillis soan). Oan \'e oare aide liezen min: »Moneta aurea civitatis Doccumensis, Anno Dom, 739. (Dokkumer gouden munt fen H jier 739) — Der binne güds dy wolle ha dat Gondebald en Radboud de twade tagelyk regearrc ha, elk oer in stik fen Fryslan, en dat Gondebald to Dokkum wenne: Radboud to Starum.

In eigenwize Boer.

(Teltsje ut \'c oeralde tiid.)

Yn \'e aide tiid, do \'t Wodin, Thor En oare goaden mei elkoar

De minskewrald regearren, Do wiene er ek al, lyk as nou.

-ocr page 49-

43

In hopen ontofreden Ij uw,

Dy \'t folie krimmenearren.

Do wenne yn Fryslan earne in boer, Dy wier mei \'t greate wralds-bisjur

Ek selde mar tofreden.

Foaral it waer wie, nei syn sin,

Faek rjucht forkeard, ja, tige min En joech ta kleijcn reden.

Hy sei: „Fordeald! de boerkorij Dêr hinget dóch de maetskippij

Alheel fen óf, siz ikke.

En dêrom moasten waer en wyn En rein en droeehte en sinneskyn Hjar altyd dêr nei skikke.

„En \'t rint sa mal soms yn \'e war. It liket wol dat Thor en hjar

Net by hjar sinnen binne.

Mar folie dommer yet as wy.

Oars koe \'t hjir jimmeroan, tocht my, Sa tsjin \'e tried net rinne.

„As \'t reine moat, den bliuwt it droech. As \'t druije moat, is \'t faek onfoech

Hwet bulten rein wy krije. Myn fruchten moatte den op \'t fjild Forwirde, en suver sonder skild Moat ik dêr tige om lije.

„Onthjit myn apelhóf moai best En \'k tink: Wy scille dêr fen \'t hjerst Hwet jild lit smeije kinne, —

-ocr page 50-

44

Den blaest, foi deald! de hirde wyn Der as de bare divel yn

En al myn hoop fljucht hinne.

„Pgt;y \'t winter myld, by \'t simmer kald, Is dat gjin dwersforkearde wrald?

Dóoh kin min \'t hjir bilibje.

Ik siz mar rounut: rint it sa,

Den tinkt my dat ik reden ha,

Dat \'k dêroer gnoarje en kibje.

„As ik dat yn \'e bannen hie,

It scoe my nij dwaen, of ik die

Dat arans in bytsje better.

Den kaem it allegcarre krekt Sa \'t heaide en op \'e tiid, dat sprekt, Net earder en net letter.quot;

It wier swierwaer ris op in tiid, It tongre bird in \'t jjocbte swiid.

God Thor kaem lit \'e hocke.

It fé wier fen \'e wize yn \'t lan. It minskdom, tige )Tn noed for bran, Wier skrutel en forbüke.

It dürre n\'t lan?, do reinde \'tfel. In mal bult wetter kaem er del,

Ek grouwe hngelstiennen As knikkcrts wol, dy \'t sikerwier De lanbou yn in heal ketier By tuznen skea oandienen.

Dy bui wier yet net ienris oer. Do kaem, onfoege lilk, üs boer

-ocr page 51-

45

Al ia de doar üt stouwen;

In foarke smiet er yn \'e lot\'t,

En raesde lüd: ,Dy \'t soks lis docht Is net mear to bitrouwen.

„Is dat nou ek fetsoenlik dwaen, De hüsnian sokken knoei to jaen ?

It wier mar oft er boarte,

Dy Thor, dy is sa bot en rou. Mar docht er sa, wy scille irau To skoaijen rinne moatte.quot;

Mei kaein de simie er efkes trocli. En foar de swartc wolken, sjuch!

Dor stie de bifrostbrêgge. (*) Ek kaem er yet in tongerslach,

Hwêrop de boer dóch, ut ontsach,

Gjin skimperij wer weage.

En ear \'t de man der erch yn hie, Hwa mien\' jim dat der foar him stie ?

\'t Wier Tsjalfi, Thor syn tsjinder, Dy sei: „Myn oerhear het my stjürd ; Dou seist, hy docht it sa biroerd. It kin net folie minder.

„Dou scoest it better dwaen, oars net ? Nou, wit, dat Thor bisluten het Por \'n jier dy oan ta stellen

O Sa wirdt de reinbógc yn \'e noardske mythologie hjitten. Oer dy brègge kamen de goaden op ierde, — dus ek Tsjalfi, As \'t tongere ried Thor mei syn bokkewein oer de bifrostbrègge en sloecli mei syn moker fde bliksem) om him hinne.

-ocr page 52-

As hounebaes oer waer en wyn, Oer wiette, droechte en sinneskyn. Pas nou mar op dyn tellen!quot;

„Goed !quot; sei de boer, „dat nim ik oan, Dat saekje rêd ik tige skoan.

Eu dat wirdt maklikst klearre, As \'k mar nei myn bilang it stjur, Hwent sa \'t it bést is for de boer Is \'t bést for allegearre.quot;

Do soarge er mar it hele jier For \'n aldernuverst best gewier.

Hy joecli in droege rite Yn Februwaerje en yn \'e Maert, Hwêrtroch de bougroun bruksum waerd Om \'t sied der yn to smiten.

April en Maeije wieren wiet,

Mar net onlijicli biite miet.

En sonder noarderfleagen.

De fruchten kamen quot;t \'e groun. Sa moai as \'t koe en \'t gears bigoun To waechsen dat min \'t seagen.

Heal Juni waerd de loft wer klear. Do kaem er hast gjin wiette mear ;

It meanen koe bigjinne.

\'t Waerd stadich waermer dei by dei, It hea dat tsjin \'e groun oan laei Waerd roastre fen \'e sinne.

-ocr page 53-

47

Grlêd roan de haeijinj»- fen \'e tried.

Wier \'t nou en den in dei twa wiet,

Dat wier for \'t nijgears tige.

En den waerd elc it waer wer test; Sa dat de hixsman \'thea sa. bést As \'t hoefde binnen krige.

It gears wóechs yn \'e greiden sa,

It fe roan oan \'e hakken ta Der yn, of \'t siet en kóge.

En malke joech \'t alheel yn \'t great. It bleau onfóege bést yn steat, Sa glanzich as in loge.

By \'trispjen fen quot;e fruchten waerd Wer meast it waer nei droechte laedt, Om \'t noat goed yn to krijen.

Koartom, min hiene \'t hele jier In bütenwenstich bést gewier,

En heel end al gjin lijen.

De beanhearre yn \'e iere hjerst Wier droech en fris, men hien\' gjin lést

Fen rare wrede buijen.

It hjerstwirk, ploeijen en sa mear Kaem heel end al nei winskjen klear By sok oanhaldend druijen.

Ek de apelhóven joegen goed.

Fen dat gM kaem er mear oerfloed

En romt as fen tofoaren. —

Mar \'t spek en flesk wie net sa rom; Hwent sjuch, der gyngen kwalen om, Dat skiep en bargen stoaren.

-ocr page 54-

48

In slimme pestsykte ond\'r \'e kij Kaem dêr de hjerstmes ek yet by,

Dêr gyngen gans mei hinne. Us knappe liounebaes forlear Ek syn bislacli. Der kaem yet mear, \'t Bleau net by \'t fé allinne.

De minsken rekken ok fen \'t stel ; In t\'reamde sykte swier en fel

Brocht follen ondcr ierde.

Dér krige us hüsmau ek mei fan : Hy wacrd wer better, mar de man Moast gans by dokter bliede.

Fen sels, do grynde en gnoarre er wer. Hy sei: „Nou \'tik it allegear

Sa moai en best bitsjurde,

Nou komt der wer sa\'n hirde pleach, Allieel fen onpas, yn myn each. Hwa hie him dêr for hoedde ?quot;

Hy jcuzlo yet al mear. Sje dêr! Dêr stie de rédde Tsjalfi wer.

,Bist al wer ontefreden ?quot;

Sei dy. „Dou sjuchst wer bare sur.quot; — „Dat wol \'k wol leauwequot;, sei de boer, „Derfor ha \'k tige reden.quot;

„Né, draech it Ijeaver mei gedildquot;, Sei Tsjalf, „it is dyn eigen skild.

Der is dy hwet ontsketten.

Dou hiest oars alles moai bisteld, Mar hirde wyn en noarder kjeld Dy hest der by forgetten.

-ocr page 55-

49

„Dêr binn\' dy pleagen üt ontstien, Bigrypste? Knoeiwirk heste dien. —

In oardiel üt to sprekken,

In oar syn flators oan to jaon Is lichter wirk as seis to dwaen.

Hest dat nou yn \'c rekken ?

„len dy de saken wit en docht,

Leau frij, dat dy in bulte sjucht,

Dor \'t oaren neat fen sjugge. Hop dêrom net te lüd en gau,

Goeman, dat disse en Jinge ljuw \'t Biroerde opsetlik dogge.

„leu dy \'t hwet sjên en tinke kin En het forbidding net to min.

Derby hwet leard en lézen,

Dy mient soms lang oanien, dat hy By \'t hoffenjen der maetskippij Bihelpsum heart to wezen.

„AVier alles klear komd, hwet se sa For \'t heil fen minsken oanredt ha

Yn plannen en bistekken,

De wrald hie lang in himel west, — Of mog\'lik ek in eamlers-nêst Fol greate en lytse gekken.

„Dy \'t rekkent buten \'e kastlein Komt licht bidragen lit yn \'t ein.

Omdat er folie dingen Alheel forkeard birekne hie.

Sa gyng it jamk de wiiste lie By \'t wrald-ynoarderbringen.

4

-ocr page 56-

50

„Neat yn \'e wrald is folut wier; Dat makket f\'aek it striden swier,

Por hwet min haldt for \'t wiere. Ek is der yn \'e wrald hast neat Alhiel biroerd en glêd forkeard. — Sa kin men altyd tsiere.

„Nou wol \'k dy yet to rieien jaen : Doch alles hwet dy stiet to dwaen

Forstannich, sonder grinen. En tinkt dy, oaren doggo mis,

Hald den yn \'t each; taskinen is Hwet oars as ondorfinen.quot;

1885.

Roazemültsje.

IN TELTS.IE.

Der libben yn de oeralde tiid ris in kening en in ke-ninginne en dy hiene togearre in famke dat tsien jier aid wier. Alle keningsdochters wirde prinsessen neamd, dat witte wy. En de kening sei tsjin \'e keninginne: „Us prin-seske is dóch in moai bern, oars net?quot;

De keninginne knikte mei de holle; dat wier sa hjar menear fen dwaen as se ja sizze woe. En hja sei ja op alles hwet de kening hjar frege. lenkear hie se \'t weage to skodholjen, dat safolle as bitsjutte. Do hie de kening wol in wike lang gnoarrich en koartkearich wést, en den jeuzele er nou en den yn him seis: „Hwa het dêr oait fea

-ocr page 57-

51

heard, dat de keninginne oars oer in ding tinkt as f!e kening?quot; — Sint dy tiid knikte hja altyd ja en der wier noait gjin onienigens mear yn de kening syn hüshalding.

En hwet de keninginne die, dat diene alle ljue oan\'t hof hjar nei, edelmannen sawol as edelfronwen. Sa histie dy hele hofhalding ut jaknikkers. En de kening koe sadwaen-de net oars tinke as dat hy allinne mear forstan hie as al syn hofljue mei elkoar, om\'t se him allegearre altyd gelyk joegen.

Do\'t de keninginne den mei hjar jaknikken sein hie, dat ek nei hjar bigryp hjar t\'anke in moai bern wier, do sei de kening: „Ik wol de keizer, hwaens lan neist oan lis lan leit, de eagen ris ntstrike. Ik wol him it portret fen \'is fanke stjure. Moaijer bern scil hy grif noait sjoen ha. De keizer het in soan. Hwa wit hwet dêr den letter yet ris fen komme kin !quot;

De kening frege do syn earste minister hwa\'t de knapste portretskilder yn \'thele keninkryk wier.

„Nou Sire,quot; sei de minister, „om dat krekt wys to wir-den kin \'k neat better dwaen as myn wiif der nei to freeg-jen. Hja raakket altyd in hele boel drokte mei sok soarte fen dingen. Ik ha dêrfor myn holle fiers to fol fen staet-saken, hwent dat leit op myn wei, nou?quot;

„Kou, freegje jou wiif den mar,quot; sei de kening. En de minister die dat.

De ministerske sei, de bPste skilder yn \'t héle lan wier hjar sisterssoan Antoan. Om hjar man dat goed oan syn forstan to bringen lies hja him in stik üt in krante foar, dêr stie yn, dat Rubens en Rembrandt dy hiene wol ris tige moaije portretten skildere, mar Antoan, de sisterssoan fen de ministerske, wier yet folie knapper skilder.

Dat waerd de kening sein en do wier \'t gau klear : dy skilder Antoan waerd oan \'t hof ontbean. Hv waerd vn

-ocr page 58-

52

in deftiiro keamer brocht mei aldersierlikst moai luisrie. Dêr

O

koed er plak ninimo mei syn skilder-ezel en syn skilder-bak, en de kening brocht it prinseske dêr by him. It famke like onbihelpericb en forlegen. De skilderman makke in djippe bilging en de kening sei: „In moai prinseske, is \'t net wier, mynhear Antoan ?

De skilder knikte, dat moast ja bitsjutte.

„Nou seille jy hjar ütskilderjequot;, sei de kening wer, „mar ik wol lia dat se blier laket. Dêr moat myn bürman de keizer oan sjên kinuc dat it in golherticli en oanfallich bern is. It sizzen is, dat do keizer folie fen fleurige ljue haldt.quot;

De skilder knikte wer tastimmende en de kening gyng hinue, wyls \'t er by him seis sei: „Dat moat grif in tige gnappe skildermaster wêze, hwent hy knikt allike moai fen ja as myn keninginne en myn hofljue.quot;

It prinseske wier tige gleaun oppronke. Hjar satyn-siden jüpe stie stiif fen gouden borduerwirk. Hja hie in string echte dyamanten ynpleats fen kralen om\'e hals. Hja droech gouden earmbannen biset mei edelstiennen, dy gliirken krekt as koaltsjes fjur. Hja hie blommen yn \'t hier, dy flikkeren as stjirren, hwent dy wieren ek fen edelstiennen makke. Mailt bern koe hjar yn dy stive pronk hast net forreppe en forroere. Hja roan mei lytse koarte stapkes. As se in earm optilde den gyng dat stiif en oerlangsum. As se in büging makke, dat gyng sa houten en sa krekt op \'e miette, noait in sierke leger en noait in sierke liniger. Dat min scoene swarre, hja wirdt yn biweging brocht troch redtsjewirk en kramtriedden.

De kening wier fen miening dat dat steatlik en deftioh stie. As er it prinseske hjar kompliminten meitsen seach den koed er \'t net litte üt to roppen ; „Dat is nou ris echt keninklyk!quot;

-ocr page 59-

De keninginne knikte den ten ,/a, en alle hofljue, edel-mannen allike folie as edelfrouwen, knikten den ek ten/«. Dêrom spriek it fen seis dat it de echte wierheid wier.

Sou, de skilder teach oan \'t wirk en die syn best er op om mei dat portret safolle eare to biheljen as er mar koe. Mar hwet him dealse min slagje woe: it portret blier laeit-se to litten. As er it prinseske forsocht om him ris tige blier oan to kypjen, nou, den glimke se wol, mar dat gyng sa droech, dat hie folie fen neimakke spil en like suver neat op de utering fen in hêurich sin. It sloofke ta bern twong hjar seis wol om fleurich to lykjen, mar och heden ! de echte heurigens komt net troch twang.

De skilder tochte, ik soil it prinseske ris hwet oan \'t praten bringe, licht wirdt se dér wol hwet romhertiger fen. Hy frege hjar ho \'t se hjar tiid deis sahwet to\'n ein brooht.

„O,quot; sei se, „ik moat in hele bulte leare. Ik ha masters dy \'t my onderrjuchtsje yn \'e fornaemste talen fen \'e wrald en yn \'e skiednis en de ierdrykskinde. Oare masters leare my dounsjen en hyngsteriden en wer oare sjongen en py-anospyljen, teikenjon en yet al mear. En den hab ik mas-teressen, dy leare my ho \'t in prinsesse hjar halde eu drasse moat yn selskippen en by alderhanne gelegenheden. Ho \'t ik prate moat en groetsje, ho \'t ik rinne moat en sitte en al myn biwegings meitse. Jouns bin \'k faek sa wirch, dat de holle my der fen süzet en as ik den op béd liz en yn \'e sliep fal, den sjuch ik al dy masters en masteressen om my hinne stcan, en den meitse hja \'t my sa binypt om \'t hert dat ik er fen towekker skrilje.quot;

De skilder frege hjar, oft se den alheel end al gjin tiid oer hie om ek ris hwet to boartsjen.

„Ja,quot; sei se, „deis in ürke twa mei ik yn \'e tün. Mar den binne der altyd hofjiffers by my, dy passe op alles hwet ik doch. As ik in flinter fange wol, den is\'t; „Houl

-ocr page 60-

54

in priusesse mei hjar net etter \'e siken rinne, dat is net foarnaem.quot; — Wol ik my ten in hiclite óf-rólje litte, den roppe se: „Eij, prinsesse, dat is geinien ! jy meitse jou klean oinmers smoarch,quot; — lenkear hie \'k myn skoen en myn liuazzen lit dien, do gyng \'k op \'e kant fen \'e fiver sitten en polske mei de bleate foetten yn \'t wetter om. Och, hwet wier dat fris! hwet ine \'k dêr in nocht oan! Mar ik waard dér gau wei helle en do seine se tsjin my, sok boartsjen dicne earmeljues bern, raar \'t kaem for my net to pas. En do raoast dokter by my komme, hwent hja hiene soarch dat ik de koarts knje scoe. — Nou, as dat sa gefaerlik is en sa gemien, den wol ik \'t ek net wer dwaen. Ik bin in prinsesse en ik mei my net oars as keninklyk formeitse, seit myn heit. En myn mem, de keninginne, stimt dat ta en alle hofljue, edelmannen sa wol as edelfrouwen, stimme dat ek ta. Dêrom is \'t ek wol tige by tige wier.quot;

Mar fen dat praten waerd it keniagsbern net fleuriger, iijucht oars-om: de nocht om to laeitsen forgyng hjar al-heel. De skilder die syn bést al om op syn skilderstik de müle fen \'t prinseske nei blier laeitsen to setten om dêr-troch it portret oanniinlik to meitsen. Mar it woe him not slagje.

„Fij, fij!quot; tocht er, „hwet scil de kening sizze, dat ik net in moai blierlaeitsend portret meitse kin ? Ik hie my foarsteld dat ik hjir mei eare en jild oerladen wirde scoe, en och helen! ik kom hjir mei skande wei. Den is myn hole skilders-eare nei de moanne.

11 y stie op en roan de kearaer op en del. Hy wier syn lie to\'n ein. Sonder seis to witten werora gyng er foar \'t filister stean en bigouu raei do fingers op in rut to tromjen.

Dat finster seach lit op ia sierlike moaije tiin. Yn ienen halde de skilder op fen tromjen, hy seach stiif en sterk foar hira lit. O ! hwet seach er dêr hwret raoais. Op ien fen

-ocr page 61-

55

de slingerpaden yn \'e tiin, twisken rle griene beammen wier in famke oan \'t toudounsjeü. In famke sahwet fen deselde greatens as de lytse prinsesse — en dêr siet in alderljeafst kopke op. Hja wier mar los en licht klaeid en ek mar dea ienfaldich. Mar hja lake sa blierhertich, sa gol, ja, sa iner-lyk fornoege. dat de skilder \'t net litte koe om hjar ta to laeitsen. Hja mirk him gau op, dn smiet se him hantütsjes ta en lake yet golder en liet dêrby hjar sniewite toskjes blinke.

Hy frege \'t prinseske, oft hja dat fleurige famke wol koe.

Hja kaem by \'t finster en sei; „O ja, dat is Roaze-mültsje.quot;

„En hwa is dy Roazemültsje ?quot;

^Dat is in famke fen üs opperste tiinman syn feint. Hja is wol gau ris by hjar heit as dy yn \'e tiin hwet to dwaon het.quot;

„Dat liket in flcurich bem to wézen.quot;

„Ja, hja is tige flcurich. Mar Roazemültsje het ek fnj om to boartsjon sa \'t se wol. Hja rollet yn \'t gears om as in hountsje. Hja klautert yn \'e beammen op as in kat. Hja makket sprongen as de gcitsjes yn \'t lan. Hja doar op he-ge duncn klieuwe en is ek net bang om mei in lange stok oer in sleatsje to Ijoappen. En den sjongt se dêrby faek sangkjes sonder wirden, krekt as de fügels.quot;

En \'t wier krekt oft Roazemültsje quot;t forstien hie hwet it prinseske fen hjar fortelde. Hja bigoun to sjongen, sa moai, dat min moasten tinke, sok sjongen het se de nach-tegael ófharke. It lüd rolle hjar ut de kiel en twisken de lippen troch, sa swietludich, sa helder, sa trilderich, dat it suver in nocht wier dêr nci to harkjen.

„Och, hwet is dat moai!quot; sei de skilder.

It prinseske sei: „Ik mei Roazemültsje wol graech ris boartsjen sjén. As ik gjin keningsbern wier scoe \'k wol al-

-ocr page 62-

tyd by hjar yn \'e tun wêze wolle om my to f\'ormeitsen lyk as hja docht. Mar nou mei \'k my sa gemien net oan-stelle. Ik moat mear forstan ha as oare bern.quot;

De skilder nnem it pinseel wer yn \'c han. Mar ho \'t er syn bést er ek op die, hy koe \'t portret fen \'t prinseske net golhertich en blier can \'t laeitsen krije. De oare deis teach er al wer oan \'t wirk en de trcddo deis ek al wer. Mar al syn moeite wier om dóch. It portret lake wol, mar onnatuerlik en fiis en akelik. It like wol op \'t laeitsen fen in bern, dat ta straffe in droech stik brea kriget ynpleats fen ien mei büter en tsiis, en den twongen wirdt om mei in bliere troanje tanke to sizzen.

Do \'t de trodde dei om wier kaem de kening om it portret ris to bisjên, mei de keninginne en allo hofljue, edel-mannen en edelfrouwen hy him.

Mar de kening bisoude raer. „Och, och !quot; róp er ut, „is dat nou laeitsen? Sa laeitse ik as ik pine yn \'e müle ha. Is \'t net sa, keninginne ? Is \'t net sa, edelmannen en edelfrouwen?quot;

De keninginne knikte en alle hofljue knikten ek. Dêrom wier \'t wol sa.

De skilder wier earst alheel fen syn stik en wist net hwet er sizze scoe. Mar hark! der hearde er Roazemultsje yn \'e tün sjongen. Do roan er nei \'t finster, wiisde yn \'e tun nei dat boartsjende famke en sei; „Xim \'t my net kwea, Sire, mar it is sikerwier myn skild net, dat it prinseske net laeitse kin lyk as dat earme famke dér. Sjuch ris ho \'t dy laket.quot;

De kening en de keninginne en alle hofljue, edelfrouwen sawol as edelmannen, roanen nei de finsters, en de kening róp iit: Och, hwet in Ijeaf kopke! Ho mütel kipet dat bern yen oan en hwet laket se frjeonlik. Ik kin sikerwier dat aerdige famke net oansjon sonder seis ek to laeitsen.quot;

-ocr page 63-

57

En de koning bigoun to laeitson en de keninginne bigoun to laeitson en alle adelmannen on edelfrouwon bigounen to laeitsen. — En do\'t dy algemieno laeitserij wer ta bidarjen komd wier sei de kening: „Mynhear skilder, kinn\' jy \'t portret fen myn bern ek sa net laeitse litte lyk as dat fanke dêr yn \'e tiin?quot;

s Ja wol, Sire,quot; sei de skilder, „mar den moatte jy it prinseske frij jaen om mei datfamke yn \'e tua to boartsjen.

„Hea, hwêrom dat nou?quot; frege de kening.

De skilder sei: „Den ha \'khope, dat it prinseske ek sa fleurich wirde soil en ek sa lit de romte ten hjar hert sell laeitse kinne lyk as dat bern.quot;

„Nou,quot; sei de kening, „as dat weze moat den moat it wêze. Den stean ik it ta.quot;

Hy die dat om \'ter der sa bysonder folie priis op stelde, dat syn bürman de keizer, by it sjen fen t portret tinke scoe : „Dat is nou ris in prinseske t\'ol libbensnocht; min wirdt er fleurich fen allinno as min dat portret mar bisjucht.quot;

De deis dêroan, jawol! do roan it prinseske al mei Eoazemültsje yn \'e tiin to boartsjen. Hja boarten „piba! hja toudounson, hja smieten elkoar yn t gears, keatsten el-koar blommen ta en roanen etter flinters. En op it prinseske laei in glans fen klearebare wille. Hja fleldo hjar sa maklik en sa frij, hwent hja wier nou net yn \'e pronk. Hja hie mar allinne hjar nachtklean oan en dy sieten hjar net strak en binypt. Hjar eagen glinsteren fen nocht.

En de skilder hie syn skilder-ezel en syn skilder-ark yn \'e tün brocht en siet dèr nou it boartsjen fen dy twa bern to biloerkjen. Op \'t lést róp or: „Prinseske, sjuch my nou ris oan !quot;

En it keningsbern kipe him frijmoedich yn \'e eagen en hja lake him sa gol, sa minlik en sa iepenhertich oan, dat

-ocr page 64-

58

hy der optein feu waerd en ütróp : „As ik it portret sa laeitse litte kin, den wirdt it in masterstik.quot; En mei nije moed sloecli er de hannen wer oan \'t wirk.

Roazemültsje, dy \'t om \'t prinseske hinne hippele, sei: „Hja moat in kroantsje drage, den soil se keninginne wêze.quot; Do plókke se roazeknopkes en oare blommen en l\'rissele dêr in kroantsje fen. Dat sette se \'t prinseske op, do klapte se laeitsend yn \'e hannen on rop : „Och, liwet is se nou moai!quot;

De skilder tocht ek, dat it prinseske do alderbielderichst like, dêrom skildere er dat roazekroantsje ek mei ut.

Do \'t it portret den alheel end al ófdien wier liet er de kening forsiikje om by him to kommen. De kening kaem en dy man sloech fen forwondering de hannen gear en hy róp : „Och, hwet moai! alderhearlikste moai! Hwet in IJeave oannimlike glimlaeits!quot;

Dalik liet er de keninginne en alle hofijue der by roppe. En do \'t dy seagen ho \'t de kening lit \'e schroeven wier, do rópen se ek, allegearre tagelyk: „Och, hwet moai! al-derhearlikste moai! Hwet in Ijeave oannimlike glimlaeits!quot;

De skilder dijde wol in hanbré fen inerlike wille. Syn wezen heldere op fen selsfoldwaning en keinens, en hy weage \'t to freegjen: „Is Sire nou oer myn wirk tofreden ?quot;

„Oft ik tofreden bin!quot; róp de kening. „Ik beneam jota hofskilder en ik meitse jo ridder fen de Greate Oaljefant.quot;

Dêrop joech er de skilder in grien en blau lintsje, dêr hinge in lyts gouden oaljefantsje oan. Dat mocht de man nou yn \'t knoopsgat fen syn jas hingjen ha. En dat wier in eare dy \'t allinne de gnapste mannen fen \'t lan barre mocht.

Om ridder fen de greate Oaljefant wirde to kinnen hiene in hele bulte foarname mannen wol in goed stik fen hjar kaptael kwyt wêze wold. Ljue sender jild hiene hjar der graech in Mn om óf kapje litten. En dy eare foei de skil-

-ocr page 65-

59

der ta deel, lykme alliane tbr \'t skilderjen i\'en de lytse prinsesse hjar portret. Jiinnie kinne der op oan, dnt dy man him lokkich fieldc.

Nou, dat portret waerd de keizer tastjürd. Eu dy man toclite dalik: „For hwet heart hwet.quot; — Hy stjürde de kening in span alderprachtichste inoaije hynsders, der t er by sizze liet, dat it portret him nuvere bést oanstie, foaral omdat it sa alderljeafste moai lake.

Do tiid stie der yn dat ryk fen dy koning ek al net stil, mar forroan dêr allike bird as yu oare streken fen \'e wrald. Sa waerd it prinseske den njunkelytsen fyftsien jier. Nou, as in keningsdochter ta dy jierren komd is, den bigjinne de alden to tinken: „Kaem er nou mar in keningssoan om mei hjar to trouwen!quot; Mar de kening dêr \'t ik ten tortel seach heger. Hy hie \'t tor syn dochter altyd mar forsjoen op de soan fen syn bürman de keizer. Dy prins moast nou sahwet tweintich jier wêze. Hy wier ek kroanprins, as er tiid fen lib jen hie scoed er ienkoar keizer wirde moatte. Dêrom hie de kening der sa\'n danigen sin oan, dat dyjong-kearel syn skoansoan wirde seoe. En syn dochter wier moaijernóch en fetsoenlikernoch opbrocht om keizcrinne wêze to kinnen, dêr wie er wis feu.

„Tinkt jo dat ek net?quot; sei er tsjin \'e keninginne.

En \'tsprekt fen seis, hja wier fen \'e selde mietnng, lyk as ek alle hofljue, edelmannen en edelfrouwen — as hja der nei frege waerden.

Dêrom kin min bigripe dat de keniug nuver yn syn skik wier do\'t er ris op in dei in briet krige fen syn bürman de keizer. Dor waerd him yn bikend makke dat de keizer syn soan, de kroanprins wier ten plan by de keniug ütfenhüs to kommen.

Do\'t de kening mei de keninginne allinne wier sprong er fen blydskip wol twa foet fen \'e groun, hy draeide mei

-ocr page 66-

ÜO

hjar yn \'t roun en tikke hjar op \'e wangen. Mar yn \'t by-wêzen fen \'e hofijue doarst er syn greate blydskip sa on-bidieh net uterje. ïsjin hjarren spriek er deftich en bidaerd: „Edelmannen en edelfrouwen ! De kroanprins, de scan fen us bürman de keizer, scil i!s mei gauwons mei in bisiik forearje. Den moatte wy greate feesten oanlizze. Ik rek-kenje op jimme help om dy kroonprins alle eare to bivviizjen dy \'t him fenwegens syn hege rang takomt. En as dy kei-zerssoan him hjir oan ris hof tige formakket, en as \'t sa komt lyk as ik it tige by tige winskje, den scil ik in nije ridderoarder stichtsje, de ridderoarder fen de wite Bear. En den meitse \'k jimme allegearre ridders en ridderressen fen de wite Bear.\'\'

Alle edelmannen en edelfrouwen makken in djippe bilging. Mar tomük knypeagen se tsjin elkoar, dér \'t se mei sizze woene: „Hwet de kening sa tige by tige graech winsket, dat witte wy wol. As de kroanprins üs prinsesse freget to trouwen, den scil de ridderoarder fen de wite Bear wol stichte wirde, mar oars komt er neat fen.quot;

Mei \'e tiid skreau de keizer oan \'e kening : „Moarn in wike kinne jy myn soan de kroanprins by jouwos for-wachtsje.quot;

Och, hwet waerd de kening syn hof do oppronke. Alles hwet mar moai en kostlik wier waerd der hinne toge en oan to pas brocht. Do \'t allegearre klear en yn oarder wier like \'t wol op in toverpaleis, lyk as min se biskreaun fynt yn de arabiske nachtforteltsjes. En for de prinsesse waerd in nij pakje klean ré makke sa \'t der yn \'e hele wrald net mear ien to finen wier. Dat allegearre mei inoar koste bergen fen jild, mar der tilde de kening net swier oer, as de keizer syn soan mar mei de prinsesse troude.

De langforwachte dei briek einlings oan. De kroanprins kaem oan \'t hof fen \'e kening. Do spile \'t musyk fen \'e

-ocr page 67-

öl

moarn ta de joun, en as \'tmogelik wést hie, den hiene se ek fen de moarn ta de joun gastmiellen halden. Mar in minske kin net altyd troch ite en drinke — dat haldt op! Dêrom waerden der ek jachtpertijen halden, en soldatefor-toaniugen en toanielfoarstellingen en mear fen soks.

Op \'e gastmiellen siet de kroanprins nést de prinsesse en op \'e jachtpertijen wacrd se him efternei dragen yn in draechkoets. By de soldatefortoaningen ried hja op in wyt hynsder, den hie se moaije klean oan dy \'t der wer apart for makke wieren. Dat wyt hynsder wier ek in presintsje fen \'e keizer. Mar hja ried o! sa sunich en siet op \'t hynsder sa stiif as en pcal.

As de kroanprins oan hjar side siet bigoun er, fen seis, jimmer tsjin hjar to praten. Den joech se him reden en hiskie, stil en bidêst, oerlangsum en sleperich en \'t iene wirdtsje net lüder as quot;t oare. As hy hjar ris hwet grappichs fortelde en derby lake, den lake hja ek op hjar wize, mar sa bidaerd, sa droech en sa kald, dat hy der ek hast kald fen waerd. Den hie de kroanprins wol in great goudstik jaen wold, as \'t him den frij stien hie hjar ris yn \'t wang to knipen om to fielen oft se wol in echte prinsesse fen flesk en bloed wier en gjin waechsen bield. Mar dat doarst er, fen seis, üt fetsoenlikens net dwaen.

Mei \'e tiid bigoun er to tinken: „Scoene se my hjir ek ris in pots bakt ha? Scoe \'t ek in deade pop wêze kinne, dy \'t se ynpleats fen in libben minske oan myn side set ha, en dy \'t yn biweging en oan \'t praten brocht wirdt mei kinstvvirk dat er fen binnen yn sit?quot; — Do \'t er yet thüs wier hied er ris yn \'e krante lézen, dat er earne yn \'t ryk fen \'e kening sa\'n kinstich-neimakke minske üttoun wier. Eu nou bigoun er wrachtich to leauwen, hy koe dat ding dêr wol ris nest him sitten ha.

Do \'t er op in great bal, dat de kening ek al wer ta de

-ocr page 68-

62

prins syn eare jocch, mei de prinsesse dounse hie, do twi-Ycle liy der net mear oan, hja moast in masine wêze. dy \'t gongber bleau troeh horloasjefearren en redtsjes en mear sok spil. By \'t dounsjen tildquot; se hjar foetsjes hast net fen \'e groun, hja forsette se altyd allike fier fen elkoar, alheel nei de miette. Hjar earm kaem hast net yn biweging of \'t moast alheel needsakelik wêze, en den altyd mar heel oer-langsum, krekt as waerd er oplitsea en wer sakje litten troch \'t ien oft oar dat min net sjen koene.

En as de prins hjar bikipe, dan seach er hjar eagen draeijen dof en sonder glans, lyk as de eagen fen in waech-sen bield. Né, dat koe dyselde net wêze hwaens portret sa nuvere blier lake, tocht him.

Do \'t de kroanprins al in deimannich oan \'t hof fen \'e kening wést hie, siet er ris wer nest de prinsesse oan \'e tafel. Der klonk him sjongen yn \'t ear, sa Ijeaf, sa swiet, sa oangripend, dat er net foart-ite koe, mar in stik taert, dat er hast al oan \'e mule ta hie, wer op \'e panne del-sakje liet.

Hy halde de siken yn om goed to harkjen, Sokke sil-verhaftige toanen, sa fol heling, sa helder, sa suver as glês en sa weislepend troch de loft róljend — hied er yet noait earder heard. Hy roan nei in finster en der seach er yn \'e tiin it moaiste, oannimlikste fanke, dat er oait mei syn eagen oanskóge hie. Tn it hele greate keizerryk fen syn heit scoe sa\'n Ijeatlik skepsel, net to tinen wêze, tocht him, — as \'t tominsten in niinskebern wier. Hy twivele der siker oan, it scoe ek wol in ingel of in oare boppe-ierdske for-skining wêze kinne.

Mar do \'t er seach dat dat moaije bern bigoun to hip-peljen en to springen, wyls \'t se blommen plóke en oan dy blommen rukte en der hjar mei aeide, do tocht er: It moat dóch sikerwier wol in minske wêze.quot;

-ocr page 69-

63

„Kening!quot; róp de kroanprins yn ienen vit, „siz my ris, hwet alderljeafst moai famke is dat dêr yn \'e tiin ? Dat sjongt sa sierlik dat de nachtegaal der yet wol fen leare kin. Dat springt binne en wer sa rêd as wetter en is sa biminlik as in minskebern mar wèze kin.quot;

„O!quot; sei de koning, „dat is Roazemülstje, de dochter fen myn opperste tünman syn feint.quot;

„Kom, kom!quot; sei de kroanprins eu hy lake, „wolle jy my yet langer foar \'e kroade ride, kening? My tocht, dy grapperij moast nou ek mar ris ophalde, net? Dy Roazo-mültsje is emmers jou dochter, de echte wiere prinsesse! En hwêr \'t jimme my hjir alle dagen mei omboartsje lit-ten ha, dat is ommers in pratende masine, in laeitsende masine, in dounsjende masine, mar in libbene prinsesse fen flesk en bloed is \'t net.quot;

„Mar myn Ijeave kroanprins!quot; sei de kening, „tochten jy dat ik jo sa skanlik bidrage kinne scoe ? It is de echte prinsesse dy \'t dêr nest jo siet. — Is \'t net wier keninginne Is \'t net wier, edelmannen en edelfrouwen?quot;

De keninginne en de edelmannen en de edelfrouwen gyngen allegcarre oerein stean en knikten mei de holle,

„Ho deale!quot; sei de kroanprins, „wolle jimme dy gekheid nou yet fierder driuwe ? Kom, helje mar gau dy echte prinsesse dêr üt \'e tün wei, doch hjar keninklike klcan oan en bring hjar hjir. Ik easkje dat, kening, hwent ik bin alheel op dat oannimlike skepsel foreale,quot;

„Mar myn Ijeave kroanprins! . . . quot;

„Hwette, kening? Wolle jy yette tsjin-akselje? Ik ha myn nocht fen jimme gek-oanstekkerij, hear ! Dat moat mar gau ophalde !quot;

„Och, heden, kroanprins,quot; sei de kenina: dea forlegen, „jy binne sikerwier mis. Ik mei stjerre as wy jo de gek oanstekke. Och heden! ho scoe dat oait yn my opkomme?quot;

-ocr page 70-

64

„Nou kening,quot; sei de kroanprins, „myn gedild is op. Ik reisgje dalik nei luis en yn \'e nije wike dogge wy jo de oar-locli oan. Wy liabbe greater macht as jy. Ik fal mei in great leger yn jou lan en slaen alles plat. Jou stêdden lit ik forbarne en de ynwenders formoardsje.quot;

Do\'t de kening dat hearde bigoun er to triljen oer al syn lea krekt oft er de koarts hie en hy sei: „Yn \'e Grodsnamme! den moat ik jou sin mar dwaen.quot;

Hy joecli oarders om Roazemültsje üt de tiin to heljen. Do liet er dat froede fanke optakelje mei de klean fen de prinscsse en sa waerd se yn \'e feestsealc brocht. De prin-ses.se hie hjar, op bifel fen hjar heit, forwidere en Roazemültsje kaem op hjar plak to sitten, nést de kroanprins.

En de kroanprins forsocht hjar om ris to sjongen, en do song se sa aldersierlikste Ijeaf, dat hy der alheel optein feu waerd. Hy fortelde fleurige telisjes en hja harke der nei! En den kipe se him sa nuvere minlik en smout yn \'e eagen en lake him sa golhertich oan, dat er dalik al syn lilkens forgeat en alheel wer goedsmoeds waerd. Hy frege Roazemültsje om mei him to donnsjen. Dat naem se, fen seis, dalik oan. En hja hippele en sprong sa alderaer-dichst mei him yn \'t roun, en hja swaeide en swierde sa bihagelik mei hjar mütele earmcn, en hja joech him op syn fragen sa frjeonlik en bislipe reden en biskie, wyls \'t se dêrby sa oannimlik glimke, dat de prins hast miende yn in oare wrald to wezen, — yn in wrald dêr \'t oars neat as wille en nocht to finen wier.

Om nou mar koart to gean : Roazemültsje waerd de kroanprins syn breid. Hy troude mei hjar en brocht hjar by syn heit de keizer. Dy tute hjar op \'e foarholle en sei: „Dou bist fleurich en libben op \'e tried, myn aerdich bern ! dèrom wes wolkom oan it keizerlike hof.quot;

De prinsesse, de keningsdochter, dy \'t mear op in ma-

-ocr page 71-

05

sine like as op in piinsesse fen flêsk en bloed, dy is ald-faem wirden en aldfaem stoarn.

En de edelmannen en de edelfrouwen oan de kening syn hof binne noait ridders en ridderessen fen de wite Bear wirden, Invent dy ridderoarder waerd ek noait stichte, hwet ek nimraen forwonderje kin.

Nei HFlaemsk fen P. Geiregat.

{Ned. Museum. Grent, 1877.)

len fen de achtberste mannen yn Fryslan, ja, yn hele Xe der lan, mei\'k wolsizze, skreau my yn Februwari 1878 : »ïn het Ned, Museum (Tijdschrift van Heremans, jaargang 1877, 5e aflevering, pag 1:^6) komt voor van Geiregat eene vertelling Rozemondeken. — Jk vestig daarop uwe aandacht, daar het wellicht geschikt kan zijn om door u bewerkt te worden!quot;

Sa kaem ik er ta om dit teltsje to forfryskjen. Op forskate plakken yn FryaUin ha \'k it yn \'tiepenbier foarlêzen en de ljue hiene der wol nocht oan, Yn 1888 liet ik it yn »For j it my net\'\' sotte. Mar do kaem it foar \'t Ijocht mei flaters, ek güds •dêr \'kgans ergewaesje fen hie. len dér fen wier, dat onderoan stie 1887, dat 1877 wêze moast. Dat spytte my! Sjuch, us prinseske — nou keninginne Wilhelmina — wier yn 1887 in famke fen saun jier. Yn 1877 wier se der yet net. Ik hie dat jier-tal mei sin der by set om \'t ik net ha woe dat erchtinkende lêzers hwet ut it stikje suge scoene dat er net yn siet.

Om al dgt; opneamde reden wie \'k er nou mei yn Hskik, dat ik yn \'e gelegenheid kaem om it teltsje yet ris ütjaen to kinnen onder myn eigen tasjuch. D.

Fier der om roan, tiehte by foun.

\'t Stie mei mefrou fen Sinten skean.

Hja koe net sonder pine gean,

Hjar iene hakke die sa sear,

H wêr \'t dat fen kaem wie nimmen klear, Mar \'t minske lijde tige swier En Ine gjin spriitsel wille en tier.

5

-ocr page 72-

Hja laei mar op \'e kanepé To kleijen oer hjar pine en wé. „Och heden! as ik witten hie Dat yn \'e wrald sa\'n lij en wie,

Den wie \'k hjir Ijeaver mar net komd„ Hwet jout yen sa de wraldske romt?quot; Wyls hio se foar de noas in doek Dy \'t swiid fen adekloanje roek,

En dy wier amperoan trochwiet Pen triennen dy \'t se rólje liet.

Pensels dat koe net langer sa. Der moast mar ien nei dokter ta. Dy kaem gelokkich ridlik gau,

Hy wier tafallich net fier ou. Hy ondersocht it ongemak En seach derby onfoege strak. De hakke like baer oerstjür,

Sa read as bloed, sa hjit as fjftr. Hy frege hjir en dêr ris nei En as mefrou dêrop hwet sei, Den knikte er efkes, mar hy swei, En tocht, sa \'t like, er tige op nei.

Op \'t lest wie dokter syn biskie : Hy wist for \'t ongemak wol rie. Hy sei; „Ik bin ninbyt yn noed, Mei koarte dagen is \'t wer goed. As alles dien wirdt sa \'t ik siz, Natnerlik, oars rint alles mis.quot; Hy makke in flesfol fochte klear, Dêr moast de hakke trije kear Yn \'t etmel tige goed mei wiet. Den kaem er mindring fen fortriet.

-ocr page 73-

67

Mar dat foei neat tofolle mei.

De foet waerd wosken dei by dei,

En as mefrou oanhaldend laei Den waerd al gau de pine wei.

Mar \'t minske wier t\'en herten soun, Hwêrom se graeeli ris et\'kes roan. „As \'k sonder hinder rinne kin,

Den wit ik da\'k genezen bin;quot;

Sa sei se. En as se quot;t die, sje dêr! \'t Wier dalik \'t aide lijen wer.

Hja sei: „De dokters hjir j\'n \'t lan Ha \'t ongemak net foar \'t forstan, Ik moat nei Grins sa gau as \'t kin.\'\' Een seis, dêr praette nimmen tsjin; It reau waerd ynspand mnlle gau. Dat ried nei Grins. Do waerd mefrou Dêr by in knap prefester brocht,

Dy tige lang hjar ondersocht, En \'t einbishit wie dat er sei,

Mefrou moast mar nei Norderney, Dêr moast se deis in kear of twa Op \'t minst in warem foetbad ha. Séwetter en dêr swevel yn,

Dêr siet in boel geneeskreft yn,

[Nou, dat moast wOze en dat gyng oan, Hwent op hwet kosten kaem \'t net oan. Sa\'n eilan yn \'e simmertiid Kin wille en nocht jaen alheel swiid, Mar wille hie mefrou nin byt, Hja waerd hjar pine en lést net kwyt. Séwetter, warem, hjit of kald. Mei swevel of mei ingelsk salt,

-ocr page 74-

68

It holp net. Dêrom foun se op \'t lest Nei hus to reisgjen mar wer best.

Mismoedicli kaem mefrou wer thus.

Do hieu\' se wer it aide krüs,

Hwent mei hjar om to gean wier min. Gjinien koe \'t roaije nei lijar sin. Hja moasten om lijar kwael hwet dwaen, Mar dat woe selden goed bislacn.

It wier gjin minskewirk omtrint.

Och heden! \'t wie sa\'n raer pesjint; Ifijsgjirrich, hoarnich, dwers forkeard! It wier de knapste to geleard Om goed to bliuwen. Kibjen wie Mar \'t lean for alles hwet min die.

Oan weelde, neatdwaen en oerüoed Fen bern óf wend, bidoarn for goed En troud al yn hja achttsiend jier.

Dus as great fanke, sikerwier!

Sa\'n skepsel leaut net dat se \'n part Fen \'s libbens lesten drage moat.

Hjar man wier tige mal mei hjar.

Hy troaide hjar onbidich, mar

Hy krige ek roffels net to min.

„\'k Wol,quot; sei er, „yet ris sjên hwet\'k kin.quot;

Do socht er wer in dokter op,

In kindich man mei \'n greate rop.

Dy joech yn ienen disse rie ;

Mefrou moast, as de tiid er wie,

Yn Switserlan nei \'n badpleats ta,

En der ris kalde baden ha.

-ocr page 75-

69

Fen seis, dat moast wer oan \'e gong. Gelokkich koe fen Sintens pong Soks utstean. Folie waerd er sein, Hy wist syn rykdom seis gjin ein. Mefrou waerd wer om utens brocht. In hege berchstreek waerd er soaht, Dêr wien\' se helte tichter by De sinne, wol \'k wol leauwe, as wy. Dóch wier \'t dêr yn dy boppewrald By tiden mar forflikte kald.

Dêr kalde baden by, dat wie For ien, dy \'t jammerklachten hio Oer \'t minste hwet hjar hinder die, In lot, dat nel oan stjerren stie.

Mar hwet it moaiste wier op \'t lest, It gyng dêr mei de hakke bést. Hja hie dêr yet gjin wike vvêst. Do wier mefrou al sonder lést. Och minsken! hwet wie dat in rest For hjar en for mynhear mei ien, Hwent hy hie \'t lijen mei ütstien.

Hja bleauwen dêr do yette hwet Ut noed en soarch, mar \'t hoefde net. De hakke joech him del for goed, Mefrou kaem wer alheel op \'t moed. Hja reisden yette for plesier Nei plakken dêr \'t hwet mylder wier En \'t ongemak ka,om nêt werom. O sei! hwet hie mefrou \'t do rom.

Hja reisgen einlings wer nei hüs En dêr wier blydskip by de rus

-ocr page 76-

70

Mefrou dy wier sa wol to moed En tsjin hjar folk sa Ijeai en goed, Dat elk wier mei hjar rom om \'t hert En krige fcn \'t gelok syn part.

quot;Wier dat net moai? Och, Ijeavë sei! Dy wille dürre pas in dei,

Do wier \'t yn ienen glêd wer oor. Do hakke rekke op nij oerstjür En \'t wie wer \'t selde mei mefrou. Elk krige wer in grau en snau. Mynhear sei: „Nou bin ik er ou. Och goede ginst! ho moat ik nou ?

De faem, dy tigo mülryp wie En ek dér al hwet wenne hie,

Dy sei: „As ik it sizze mei.

Den is der yette wol in wei.

Baes Ealse Pik fen Büterterp Dat is in koarel tige skerp,

Dy wit for alle kwalen rie.

As ik nou hwet to sizzen hie. Den wist ik heelwol hwet ik die. Hja neame \'m divelbander ek, Mar baes is sikerwier net gek.

Mynhear hie dêr wol earen nei, Mar do \'t er tsjin mefrou dat sei Smiet hja \'t mar lilk yn ienen wei. Och heden! \'t like er hjar net nei. Sa\'n knoeijer oer hjar hakke gean. Dat kaem er lang net yn to stean.

-ocr page 77-

71

Mar o! de liakko die sa sear.

\'t Wier allegear wor like near As foar \'t se gyng nei Switserlan. Hja kreunde: „Ljuwe dy \'t forstan Ut boeken lielje ma\'k net ha.

Al gean \'k nei de alder knapste ta,

Seit de iene dat en de care dit, It blykt dat nimmen \'t rjuchte wit.quot;

Do bable Greds, de faem, hjar t\'oar, Dat Ealso Piktried ien mei oar Wol tuzen minsken liolpen hie Pen skeel der \'t elk mei utleard wie. Mefrou, alheel hjar rie to \'n ein,

Gjin amerij fen pine ontslein,

Bikoarre hjar en sei: „Hawar!

Ontbied dy divelbander mar.

It stiet my alderdanichst tsjin,

Mar \'k wol bisiikje hwet or kin. En helpt my op it lést gjinien, Den ma\'k mar stjerre, den is \'t dien.quot;

Baes Ealse kaem den by mefrou. Nou, hy bigriep de krupsje gau, Do hied er mar in bytsje sjoen. Hy halde \'m lykwol dea ketoen. Hy praette oer elektrisiteit Mei wonderlike deftichheid. Oer magnetismus, bi\'logie, Oer spiritismus en chemie.

Greds hearde \'t onn en seach forheard En tocht, hwet is dy man geleard!

-ocr page 78-

72

Op \'t lést sei bacs: „Nou stiet it sa:

Mefrou moat altyd by hjar ha In krüskekaei, in hyngstetosk,

In wirtel fen in kladdebosk,

En den ha \'k hope \'t soil wol gean.

\'k Sjuch dêr mefrou\'s pantoffels stean, Dy nim ik mar ris efkes mei.

Dy wol \'k magnetisearje oerdei,

Hwcnt dêr sit koper yn. Min wit Net heal hwet kreft yn koper sit.quot;

Yn \'t foartgean sei er tsjin \'e faem,

Dy \'t krekt de gong lans snjitten kaem:

„Hest net in aide krante of sa?

Dy wol \'k om dy pantoffels ha.quot; —

„Jawol,quot; sei Gredske, „dat is goed.

Stean fen dy dingen f\'ral hwet noed,

Dêr het mefrou in swak op, baes.

Hja krige dy to Sinteklaes

Fen omke Ripperda. Dy man

Dêr haldt se nuvre folie fan.

Dóch het se dêr yn Switserlan

Gjin tsjinst fen dy pantoffels hawn,

Om \'t ik op \'t lest forgetten hie

Dy yn to pakken. Nou, it stie

Poart nei hjar thuskomst wer forkeard.

Do hab ik dêr in boel om heard.

Hja skold my ut for ezeldom;

Myn plicht dêr joech ik neat mear om.quot; —

Baes harke dêr net folie nei.

Mar kearde \'m om en gyng syn wei.

Thiia waerd de hammer nomd. Hy sloech Yn \'e iene toffel sa onfoech.

-ocr page 79-

73

\'t Wie krekt oft dy oan flarden scoo. Mar hwa hie dêr om tocht? Dat koe Mefrou forliehting jaen; hwent sjuoh, Der stiken pluggepuntsjes troch Dy toffelhakke. Ja, dat wie \'t Hwerom it minske sa\'n fortriet En lest en lijen litstien hie.

Gjinien dy \'t dêr op fallen wie A.8 baes, troch \'t hantwirk dat er die.

Mefrou hjar kwael wier foart dêrnei Genezen en bleau altyd wei.

En baes krige uren yn \'t rounom As wonderdokter o! sa\'n rom. Een Sinten leanne \'m tige skoan En skikte \'m alles ta foartoan.

Mynhear sei faek: „Wy sochten fier Hwet tichte by to finen wier.

Dit is ai wer in goede lear.

Min is der jamk to gau mei klear Om sonder earst goed roun to sjên, Mar nel de freamdte om help to tsjen.

Trije seldsumme Dingen.

Der libbe yn \'e oer-aldwraldske tiid In keningsdochter, jong en bliid

En nuvre kreas fen holle.

Hja hie dêrby in skerp forstan, Sa wier se in sieraed for hjar lan Lyk as for fêst net folie.

-ocr page 80-

74

Der kaem in jon^e prins fier wei,

Sa ryk en machtich, nel \'t min sei,

Omtrint as oare trijo ;

Dy woe hjar ta syn wyfke ha.

Mar \'t like \'t fanke net goed ta; Hja mocht dy fint net hje.

„Bern!quot; sei de aid kening, „nim him gau Jaen sokken machtich prins gjin blau,

Oars scoest it raer bidjerre.

Wy rekken mei him yn \'t tsjokwaer, Us hele lan kaem yn gefaer En \'t measte wy togearre.quot;

\'t Prinseske tocht: „Ik nim him net. O diveker! ho fyn ik hwet Om fen him óf to reitsen Mei eare en glans en sonder lést:1 Snoad is er net. Der is him bést In bytsje wys to moitsen.quot;

Hi\'a halde \'m mar hwet op \'e tocht,

Wyls \'t se om in brükbor middel sooht

Om \'t lan him lit to knjen.

Lang durre \'t net, do hie se \'t klear. En do \'t er by hjar op in kear Wer Ijuentsjend siet to frijen.

Do sei se: „\'k Scil dy \'t jawird jaen, Mar wost den ek hwet for my d waen ?

In bytsje mar, net folie.quot; —■ „Ja, Ijeafste,quot; sei er, „as \'k mar kin. Por dy, myn libben en myn sin,

Scoe \'k alles weagje wolle.quot;

-ocr page 81-

75

„Groed,quot; sei se. „Tsjucli nci east en west En kom werom ast by \'noar hest

De trije wonderdingen Dêr \'t ik alheel myn sin op set.

Fensels, in wille is \'t dy, my hwet Ta wolkomth\'is to bringen.

„Nou siikje yn \'t iene of \'t oare lau In foaroardeel, dat mei forstan maklik is t\' oerwinnen.

En den in dwaesheid sa oergreat, Dat noait in minske wier yn steat Sa \'n dwaesheid to bigjinncn.

„En den in laster sa gemien En trochskandalich, dat gjinien

Pen alle lastertongen Sa\'n lastertael ütstruijo doarst.

Dat is myn winskjen, jonge foarst! Ha segen op dyn gongen.quot;

ïïy makke \'m ré en sei: sIk kom, Sa \'k hoopje, binnen \'t jier werom.

Den scill\' wy brillofthalde.

Ja, Ijeafste skat, den nim ik dy Ta keninginnc en dou mei my Mast den myn ryk bi walde.quot;

Hy teach om utens wit ho fier,

Mar is net wer komd binnen \'t jier.

Syn reisgjen dürre jierren.

Omdat de dingen, dy \'t de foarst For syn prinsesse siikje moast,

Mar net to finen wieren.

-ocr page 82-

76

Werom to reisgjen sonder hwet, Dat woed er net, dat koed er net.

Dcu — seach er wol tomjitte — Wie grif syn hele saek bidoarn. Né, frjeonen ! Is dy prins net stoarn, Hy reisget stellich yette.

In Dokters Rie,

Dy \'t wis wol goed lor follen wie.

Honk Slomp, in earste rattelb\'ei, Dy liet langlêsten op in dei Us dokter komme by hjar Kei. Dy jonge hie \'t mar tige wei,

Hy wie biklomme, sa \'t se sei.

Hja babble mar oan ien tried wei. „Wy habbe in lacm, dat is in ei, Dat helle er ut \'e greide wei, Mar krige er frijhwet drokte mei Omdat dat flarde \'t oar lt;it snei. Do joech \'t in heleboel gejei En switte er him trochwiet bynei. Den kvvakklich waer mei froast en tel, Noait gauwer kriget immen \'t wei; Don giet de kjeld in minske nei.

Stom! dat or nou gjin iten mei, Hy kriget neat sa\'n hele dei.

Ik tocht, as \'k hwet ierappels pei Mei \'n heale sipel of in prei

-ocr page 83-

77

For \'t switteu, dat wie grif net wei.

Mar o! dat like nearne nei.

Dat sipelgud wier him to glei,

Hy sei: „Hjir wei mei dat gerei!quot;

Nou, do wier ik er ütleard mei.

Ik sei: „Nei dokter, dat \'s de wei.quot;

Dy jonge leit my tige nei.

Mar as \'k myn need oan Duede klei

Het dy sahwet de gek er mei.

\'t Wie better, seit er, dat \'k hwet swei

As altyd sa\'n onnut gegei.

Hy het net folie hert for Kei

Omdat de jonge neamd is nei

Myn heit, dy \'t Doede n\'t lije mei.

Forline simmer op in dei

Do krigc \'t bern in reade bei.

En Doede dalik lilk, dy sei:

„\'t Is nedich dat \'k it izer smoi

As \'t hjit is.quot; Tink ris ta! hy lei

De stumper yn \'e hjitte hei

Mar oer \'e knibbel. Ljeave sei!

Ik roan der op in draef by wei.

En skriemt de jonge, Doede mei

Mar kwalik sjèn, dat ik him fei.

Mar nou bin \'k oer him tige yn need,

\'k Ha danich mei him ompakt hjoed;

Ik bin sa heal en sa biroerd,

Ik bin, leau \'k, ek net al to goed.quot;

„Dat leau ik ek,quot; sei dokter nou. „Lit my jou tonge \'s kypje, frou.quot; En Houkjen stick hjar blaeijer do Foanit safier se \'m krije koe.

-ocr page 84-

78

En dokter sei; „\'t Stiet net to bést.

Dy tonge het bihoefte oan rest,

Dy het tofolle warber west.

Hald jy him mar in poaske sa,

Mar op syn minst in ure twa,

Oars wirdt er lam scoe \'k noed mei ha.

Maityd yn \'e Winter.

Siz Baeije, stelst dy soms dy tiid Yet wol ris efkes foar.

Do \'t wy yet fleurich jong- en bliid Faek sieten by elkoar?

Och, Ijeave ginst! hwet krychste in kaem Do \'k op in snein-oerdei

Dy yn \'e tiin geweken naem En dy in wird twa sei.

Ik naem dy by dyn seafte han En dou kniepst mines sa!

Wy bonnen der for \'t earst de ban Dy \'t sit ont diss\' tiid ta.

Dou hingest, sa \'t in jonge rank In beam omklamt, om my.

Dyn seafte wirden, swiet fen klank, IIo Ijeaflik wien\' se my!

Yn \'t foarjier wie \'t, it fügelgüd Song o! sa\'n fleurich liet.

Do \'t ik for quot;t earst sa woltomoed Dór oan dyn side siet.

-ocr page 85-

79

\'k Sei: „Harkje \'t gealtsje \'s efkes oan!

It sjongt for dy en my It selde deuntsje jimmeroan:

Ho Ijeaf, ho Ijeaf ha quot;k dy!

Hwet ik sa krekt for de earste kear

Dy sunich liistre hie,

Dat kweelde hy dêr lüd en klear, Oft hy der bliid mei wie.

In biik roan eft\'r \'e beammen om

En süzle wol sa swiet.

In bijke fleach fen blom ta blom En gonze \'t bijeliet.

\'t Waerd skymrich en de warbre bij

Dy gonze langer net;

De fügels waerden stil. O tij!

Hwet kloppe ns do it hert.

Nou fait er snie hast alle dei

En bütendoar is \'t kald.

De nachtegeal is fier hjir wei En wy binn\' beide al aid.

Mar sjongt dy fügel nou net mear

En gyng er \'n boel foarby,

Yet altyd hearste \'t as alear;

Ho Ijeaf, ho Ijeaf ha \'k dy!

Hwet maityds \'is it gealtsje sei

Yn \'t stille griene wald.

Klinkt yet yn \'t ear us jimmerwei, Al binn\' wy griis en aid.

-ocr page 86-

80

Al binne üs lea sa linich net

As yn üs jonge tiid,

Dóch bliuwt it maityd yn lis hert. Al knypt de winter swiid.

Kei \'t Platdiitsh.

Ut to Domenyprieuwen.

Do der foar in jiormannich to Snippelgea in nije domeny wéze moast, do wieren dor forskate ljue yn \'e gemeinte dy hiene in bulte sin oan ien dy \'t earne yn Drint yn in lyts doarpke stie. Dêr hiene se in rop fen heard, dat it in boppest bésten wêze moast. Hjar Aid domeny wier mjirkus wirden, en dy hie oars ek in soan dy domeny wier, in pear ure dêr fen dinne. Dat wier ek wol in tige goede preker en sommigen seijen, dy moasten se mar ha. Mar de measten woene dêr net oan. Sjuch, hja hiene dy persoan dêr yn Snippelgea kend as great ondogens jonge, dy \'t al-derhanne kattekwea litfierde, sa slim soms, dat er fen in-kelde ljue wol ris fiks hwet op syn baitsje hawn hie. En den hie \'t faek bliken dien dat er ek flokke koe sa goed as de béste. Scoene se sa\'n ien dêr nou as dominy ha? Ke, mar dat joech cigentlyk gjin gefallichheid. It is al in aid sizzen: „Domenys en diniterkoeke moatte wy hjir üt \'e freamdte ha, oars doge se net.quot; — It liket wol dat er ont hjoed de dei ta frijhwet algemien sa oer tocht wirdt. As der hjir of der ris in gemeinte fakant is, den wirde er altyd hele greate reizen dien om domenys to hearren.

Do measte ljue dêr to Snippelgea wieren der ek hjit op. dat er in reis dien wirde moast nei Drint. Fjouwer man-

-ocr page 87-

81

nen fen \'e tsjerkerie, Feikeboer, baes Sije Moster, Liitsen Nekke en master rekken den op in Snein der op ut.

Master hearde eigentlyk sa senders net ta de tsjerkerie, dat is to sizzen ; hy wier gjin dyaken of alderling. Mar hy wier den dóch koster en foarsjonger. En de oaren vvoene him graech mei ha, hwent hy wier in skerpe barker. Derby wier er ierdrykskindich en tige thus op \'e kaert. Hy wist krekt hwêr \'t al dy doarpen der yn \'e freamdte laeijen en ho \'t min der binne reisgje moasten.

De sneintojouns om seizen en saunen wier \'t selskip al wer thus fen \'e reis. Do kaom Japik Sipel by syn bürman Lütsen Nekke ynrinnen en sei: „Myn wiif het my hjir hinne fitere. Wy hearden dat jimme wer oanlanne wieren en nou die Lys gjin lichten, hja wier sa barnende nijsgjirch om hwet wys to wirden feu jimme bifiningen, dat ik moast «r mar efkes oplos. — „Ik moat sizze, Lütsen, ik hie jimme hast sa bytiid net werom forwachte.quot;

„Ja,quot; sei Lutsen, „wy ha nou just net sa bjusterbaer-like fier foart west. En as min de spoartreinen to bate het, kin min yn in koarte tiid in heel ein óf-jeije, nou ?

„Dor ha jy gelyk oan, Lütsen. Mar onder tis sein: wy-ljue kinne üt üs eigen busse sokke djüre reizen net dwaen. As \'t my nou, bygelyks, ris to deel falie mocht om op kosten fen \'e tsjerkepong sa\'n plesierke mei ha to kinnen, den scoe \'k er foar wêze om tige yens wille der fen to nimmen.quot;

„Us wille ha wy der ek goed fen nomd, Japik. Ik siz mar, dat komt yen binlikerwize ta. Mar min kin \'t yen seis ek wol ris to swier meitse, nou? Ik hearde koartlyn yet fortellen fen trije ljue fen Lytsegea, dy hiene op in snein lit wést to domenyhearren en kamen om middennacht hinne thus. Mar do wieren dy mannen dóch sa skiën óf, dat hja koene hast net üt \'e wein wei op hjar eigen skonken yn lifts 1101111110.quot;

G

-ocr page 88-

82

Japik sei: „Den hiene se fêst de krepelsjucht, —striene skonken. Ik hab ek wol ris sizzen heard, dat in tsjerke-riedslid soms bikeard wirdt fon hokkeling ta supkeal. Scoe dat op sa\'n reiske net ris barre kinne? It kin soms bryk. Gauke preamskouwer krige de bikearing onder \'e hege brêgge by de Urterpster feart. Mar gekheid is gekheid : ho like dy domeny dêr yn Drint jimme ta? Scoe \'t ien wêze dy \'t lis hjir past?quot;

„Sa goed as ik er oer oardeoljo kin,quot; sei Liitson, „scoe \'k sizze: der binne in hopen minder. Wy kamen dêr feu \'e moarn in goed liealüro foar tsjerktiid oan. De kastlcin dêr \'t wy ütsloegen wier in fikse roddige kearel, mar hy hie in nuvere rompslomp fen in wiif. En dy Drinten skoppe sa\'n divelse mulle poepetael, dat ik kin de helte der net t\'en fetsje. En it sneinspraten giet üs as fryske boereljue faok ek al hwet knoffelich of, as wy dat al doggc, den bigripe de ljue dêr yn \'e freamdte us ek altyd net ienris goed, wol \'k wol leauwe. Dêrom wier \'t mar in great gelok dat wy master by üs hiene. Hy kin hollansk prate en poepsk — sa \'t jy \'t mar ha wolle. — Wy halden foart al in each yn \'t seil oft er ek ien nei de pasterije skeind waerd om dêr de tynge to bringen dat er domenyprieuwers yn \'t doarp wieren. Dat hiene wy Ijeaver net. De baes scoe ris in aid hynsder fen \'e stal helje kinne om dat for ns drave to litten, en wy hearden nou Ijeafst mar in preek sa \'t de eker opjoech. Mar wy fornamen net dat de kastlein domeny boadskip stjürde. — It waerd tsjerktiid en wy gyngen twis-ken \'t oare folk dêr hinne. Mar dominy hie üs al dealse gau yn \'e kikert, dat wier oan alles wol to merken. Hy is foar \'t uterlike in ferme kearel mei in great bosk hier en min of mear in kromme noas. Hy het in béste stimme ; ik wol leauwe min scoene him buten doar op \'t tsjerkhóf wol forstean kinne. Hy hie syn tekst ut Hebreën trettsien.

-ocr page 89-

83

Homanichste fêrs? ik moat jo mar earlik bikenne, dat is my forgetten. En de wir lon fen \'e tekst binne my ok ont-gien. De kastlein sei, domeny preke wol gau ris üt de TTc-breën. Nou, master sei, dêr wier wol stoffe to finen for moaije preken.

Dy domeny is in noatfeste kearel. Hy het wol styl fen preekjen en hy koe \'t glêd fen buten. Hy hie baes Sije ek goed foldien, dat koe \'k dalik bigripe do \'t wy üt \'e tsjerke kamen. Do sei baes stil tsjin my: „Ifou, dy man bifoel my op \'e preekstoel net sa min. As \'t nou yn \'e pasterije ek ridlik liket, den kin \'t wol.quot;

Ut \'e tsjerke wei gyngen wy yet efkes nei de herberge, mar sa gau as wy tinke koenê dat domeny thus wer goed to stoel en to bank wier sakken wy óf nei de pasterije. Nou, wy waerden dêr tige best ontfongen, dy minsken wieren sa frjeonlik as \'t mar hoefde. Ik wist sikerwier net hwet my oerkaem, hwent wy-ljue binne \'t hast net wend dat sokke foarname bazen sa nuvere Ijeaf tsjin us binne. De jiffrou is in snipper wyfke, sa rèd as wetter, mar \'t like oars wol hwet in enusterige hnshalding. It wier ek yn Drint. Hja liet seis bern en de aldste is yet mar tsien jier. It like wol dat dy flarden wond wieren om mei elkoar oan to gean sa \'t se mar wocne. ITja makken in divels ge welt, mar do \'t wy der wieren stjürde domeny \'t soadtsje gau ta de keamer üt. Der wier ek in snoar fen domeny utfenhüs, dat wier syn broers wiif. Dy broer fen him moat ek domeny wêze earne yn in Drintsk doarp. Dêr hie de kastlein üs ek al fen forteld, en dy joech er bjustere heech fen op ho\'n baes fen in preker dat ek wier. Hy hie dêr in poas lyn ek ris preke, do hie de tsjerke sa fol wést, dat de ljue hast net wisten hwêr \'t se plak fine seoene; in hopen moasten stean. Mar nou moast dy man sitte — yn \'e senoade, miende \'k dat de kastlein sei. Dat bigriep ik

-ocr page 90-

84

net rjuclit en der op yn freegje woe \'k net, lïvvent ik tochte, master scoe \'t my wol sizze kinne. Mar nou ha \'k er hjued de hele dei net wer om tocht om master der nei to freegjen. Nou, mar wyls \'t dj\' domeny dêr sitte moast wie syn wiif mar ütfenhüs gien.

Do \'t wy den mei elkoar dêr yn \'e pasterije om \'e kof-jetafel sieten die ik er mar meast it harkjen ta. Master praette meast mei domeny, Feikeboer die der nou en den in domme slack twisken yn en baes Sije hie in drokke rid-denaesje mei de frouljue. Ik siz \'t jo, dy snoar fen domeny dy koed er hwet mei. Dy deale! hwet wier dat minske bést fen \'e tongrime snijd. It spande soms wol ris dat baes Sije en hja elkoar forstean koene, lly die syn best wol om tige moai sncins to praten, mar dat kin er ek al neat better as ik, en den praet dy man ek yet sa folmüllich, lyk as jy wol witte. En dy jiffrou spriek, fensels heechhollansk mar der kaem ek yet wol ris in flutske drintsk twisken troch.

Dalik do \'t wy yn \'c pasterije oankamen moasten wy al om baes Sije laeitse. Baes is oeral altyd yn ienen oan \'e slach mei de frouljue, en hy bigoun ek mei domenys faem. Dat like wol in handich famke, dy \'t him goed to reden stean koe, mar hja praette sa heislike bot drintsk, dat de divel mocht it forstean. 1 Ija hie in hele riddenaesje tsjin him, en Sije seach hjar oan en lake mar tige. Op \'t lést sei er: „Och sloof, hald mar op, ik forstean der dóch gjin miter fen.quot; — Do koe domeny sikerwier it laeitsen ek net goed litte.

In domenysfaem yn Fryslan, — as se der tominsten hwet in eare yn stelde dat se domenysfaem wier, — dy scoe \'t wol litte om tsjin sokke poerfreamde ljue hjar eigen moerstael to sprekken. As se al ut hjar seis sa wiis net ris wie, den scoe in domeny hjir sa\'n dom skepsel gau sa wiis meitse.

-ocr page 91-

85

Mar dit wier vn Diint cn Drinten bliuwe altyd Drinten. H.ja micne, leau \'k, dat alle ljue hjar kromme poepetael allike goed forstean kinne as \'t llollansk.

Domeny sette baas Sije in stoel twisken iis yn, mar hy bearde dat er dèr g\'jin erch yn hie en hy draeide syn gat op in stoel ticlit by de frouljue.

Wy woene der graech liwet fen witte ho \'t domeny der onder stie, as er ris by uzes biroppen waerd, oft er den ek hwet kans bistie, dat er \'t birop oannimme scoe. Mar dêr woed er neat fen sizze, dat mocht er, leau \'k, ek net dwaen. Dêr wier \'is komste oan \'e pastenje oars meast om to dwaen. Feike siet him dêr ek al fnjhwet om op \'e hfid, mar dat joech allike folie apels as parren. Mynhear woe neat iltlitte en wy\' koene wer hinne gean allike wiis as wy komd wieren.

Nou, onder iis sein, Japik, ik for my seis stean der ei-gentlyk sa onder: hwet best is dat wit ik net. Moai preek-jen, dêr is \'t altyd mar wakker om to redden, mar my tinkt onrs, dat is allinne net genóch. Lyk as ik jo niis al sei, dy domeny komt my sa slim net foar. Mar sa\'n sniiste-rige hüshalding mei in héle team hern hjir oan to heljen: dêr meije wy i\'is ek wol ris efkes oer bitinke. Sokke ljue h.ibbe altyd in heleboel noaten op \'e sang en hja binne fol-letiids sa fen skik; hja wolle Ijeafst alles ha en neat misse.

Op \'e weromreis pleagen wy baes Sije hwet, dat er sa aerdich mei de frouljue prate koe. Mar master sei: „Jy habbe dóch danich yn \'e benne wést, baes. Jy spilen mar wakker fen jiffrou tsjin dy dames. Dat wier fier de planke mis. Do doinonys-wiven wolle tsjinwirdich allegearre mefrou ncarnd wirde.quot;

flOeh hea!quot; sei baes, „dêr hab ik noait om tocht.quot;

„Né,quot; sei master, „jy binne net op \'e hichte fen \'e tiid. Dat is ek al foarütgong, moatt\' jy tinke.quot;

-ocr page 92-

86

Do sei ik dêrop: „It is tsjinwirdicli allegearre foarütgong, mar dór is ek in hopen by der \'t wy us in divelsk bytsje niei ontromje kinne.quot;

^faster tei: ^Dat it minskdoni foarüt giet yn soun for-stan is der faok net \'it op to meitsen. Foarütgong yn \'t iene bringt ek wol ris eftenUgong yn \'t oarc to wei. Dat is den oars de rjuehte foarütgong net. Mar \'t giet dêrmei ek al sa: as min yn \'t skipke sit moat inin mei farre. Us aide domenys-jiffrou is altyd jiffrou bleaun. Mar as wy hjir nou sokke nijmoadrige ljue krije, den scille wy ek wol oan \'t mefroujen moatte.quot;

„Dat kin wol wêze,quot; sei baes Sijc. „Mar om \'t wy dat ont diss\' tiid ta yet net wend wést ha, hab ik or hjoed ek gjin erch yn hawn dat ik mis wier. En ik hab ek heel end ai net mirken, dat dy daemessen hjar der oan steurden.quot;

„Né,quot; sei master, „ik ek net. Dat wie myn sizzen ek net. As dy ljue der lijit op binne dat domeny it birop kri-get, den woeiu; se nou wol hwet oer hjar gean litte, dat kin min maklik bigripe. Mar as \'t sa ris komine mocht, dat wy se forfêst by uzes krije, en jy neame dat minske don altyd jift\'rou, dan scoe quot;k soareh ha, baes Sije, dat jy net goed by hjar yn \'t bled kamen to stean.quot;

„Mar om nou ris fen \'t ion yn \'t oar to praten,quot; sei ik dêrop, „iis doarp is just net sa heel folie, mar dat drintske doarpke is dóch yet in ein minder. Nou moat ik oars sizze, hja habbe dér wol in kreas tsjerkje.quot;

„Ja,quot; sei master, „dat tsjerkje is ek yet gjin hondert jier aid, leau \'k. Dér ha \'k ris in aerdich forhaeltsje fen hoard. Dat komt my nou krekt sa yn \'t siu. En om er nou for to soargjen, dat it praet net op rekket koe \'k jimme dat wol ris efkes fortelle. Ik doar der net for ynstean, dat it ailegearre kleare bare wierheid is, mar dat is allike folie, it is dóch net onaerdieh. Gjinien hoeft er mear fen to leau-

-ocr page 93-

87

wen as er wol.

ïïja

liiene dêr alear in lyts aid tsjcrkje mei in reiden tek. Op in aldjiersjoun rekken de feinten dêr ris tige uaa \'t sjitten mei los krüd, krekt as by uzes en op oare plakken ek yet yn ils tiid wol ris bart. Dêr binne den faek guds mei dwaende, rly \'t net wend binne mei sjitters-reau om to gean. Hja binne der to rokkeloas by en sa komme er wol gau ris ongelokken. Sa gyng it dêr yn dat drintske doarpke ek al. In skroarsfeint skeat in gleaune stoppo pompier yn it tek fen \'e tsjerke. De oastewyn blaesde dat gleaune pompier oan \'t barnen en ear \'t immen der hwet fen mirken hio, stie de hele tsjerke yn \'e Ijoebte loge. De skroarsfeint roan fen binaudheid fjird\'el ure fier ear \'t er him litpuste. Mar it ongelok laei er ta. De aid tsjerke wier in punheap wirden en dor moast in mjen boud wirde, oars siet er net op.

TT wet dy skroarsfeint dor fen oerkomd is, dat kin \'k net sizze. Hwa wit oft er net in gisel en in braumerk krige het; dör wieren se yn \'t foarige faek gau mei klear. Folie skeaforgoeding scille se sa\'n kealc snider wol net fen \'e hud helje kind ha, tink ik.

Mar do \'t de floroenplichtigen, of ho \'t dy soarte fen Ijue dêr yn Drint ek hjitte meije, — by elkoar kamen om oer dat tsjerkebouwen to praten, do like \'t hast wol dat se do toer fen Bnbel bouwe scoeno. De iene woe dus en de oare sa, en op \'t lést draaide \'t op hevige deilisskip iit. Mar do kaem hjar aid domeny gt;it \'e hoeke. Dy man koe tige prate en hie frijhwet ontsaeh. Hy sei: „Hark ris, Ij ue! as elk foar oar it best witte wol en syn eigen sin troch-driuwe, den fine jirame \'t ronit lyk en de saek komt net klear. It is fiervvei de baes, dat jimme \'t mar oan \'e fjou-wer tsjerkfouden oerlitte, en sa \'t dy it meitse moat it jimme goed wêze.quot;

-ocr page 94-

88

Do lieten se hjar dalik sizze en de tsjerkfouden raoastert den mar soar^je dat er in nije tsjerke kaem. Dêr hiene dy ljue neat tofolle oan, dat giet wol faek sa. Hja moasten hjar yn ienen al to skoar sette en mei \'t mes dwers yn \'e bek stean tsjinoer de timmerljue, dat dy hjarren de sliep-mütse net oer \'e eagen loeken. Dy leijen \'t er op oer, om er hwet mear oan te fortsjinjen as sljuchtwei, omdat it lit pake-pong gyng. — By de minste oannimming bistelle, der wisten de ljue do sa net fen. Hja woene goed wirk ha en de timmerbazen hiene do ek yet sa gjin rekkenjen leardr lyk as nou, om fen nul ien halde to kinnen. Mar den tsjinnen de tsjerkfauden ek quot;t hjar eigen to sjên on op to passen dat se gjin luiwammesen yn \'t wirk hiene, dy \'t fiers to min nt \'e wei setten for hjar deihier. Dat ien en oar joech dy mannen in hele boel hollebrekken en ergewaesje, en den wier faek yet hjar lean, dat ljue dy \'t for de hele saek gjin finger yn \'e yeske stekke woene, der \'t meast oer hiene to lekskoaijen.

ïïja krigen einlings en ten lóste de tsjerke doch kant en klear. Mar do woene se for hjar seis der ek hvvet care fen ha, en dêr hoeft gjinien folie niget oan to habben, scoe \'k sizze. Sa scoene min seis ek wêze, nou? De aldste tsjerk-faud sei: „Mei tocht der moast in greate stien boppe de tsjerkedoar yn \'e murre mitsele wirde, mei in opskrift der op en ils nammen der onder.quot; — Dy deale, ja! dat like dy oare trije ek tige moai ta. En om nou ek allegearre, elk for syn holle, eare fen \'t wirk to habben, kamen se ta \'t bisliit, der moast in rymke op \'e stien, fen fjouwer rigels. Den koe elk fen hjarren ien rigel optinke, en den moasten se der om striekelüke hwet rigel elk dwaen scoe. Dy \'t langste strieke loek moast de earste rigel bitinke, en sa fierder ; dy \'t koartste strieke loek hie de leste rigel to meitsen.

„Ik hald fen koart ta de saek, mannen,quot; sei de aldste.

-ocr page 95-

89

„Derom stel ik jimme foar, dat wy lis foaróf mar goed bi-tinke, en dat don elk syn rigel for altyd stean bliuwt. Grjin neiwirk.quot;

Dat namen se allegearre oan. Elk loek syn strieke en de aldste tsjerkfaud h.ildo \'t koartste for him seis. Hy moast sadwaende \'t rymgedicht slute.

It foei hjarren neat mei. Ryrakemeitsen wie hjar dage-liks wirk ek net. Dy \'t langste strieke litsen hie, kaem yet al gau mei syn rigel foar \'t Ijocht. Hy hoefde ek nearne op te rimen dat wier maklik. Hy skreau;

„De olde karke is of-ebrand.

Dy \'t dêr op folge bitocht him efkes en al ridlik gau skreau hy dor onder:

„Dat kwam al deur \'en snidorsklant.quot;

De trêdde stie dy beide rymrigels in heel skoft op in del oan to sjên. It like wol dat hy der neat net best in iltwei op wist to finen. 11y hoefde oars ek al wer nearne net op to rimen. Mar dêr \'t er mei foar \'t Ijocht kaem, dat tsjinne doch sahwet fetsoenlik by dat oare to passen, tocht him. Op \'t lest kaem er üt \'e hooke. „Ik bin klear,quot; sei er en hy skreau:

„Dé deed dat mit én scheute.quot;

Do \'t noemer fjouwer nou dy tnje rigels lies bigoun er to flokken. Hy wist dor gjin rie mei, sei er. „Ho divel! hwa kin dêr nou op rime? Dit wirdt in gekkeboel. En \'t is al sa heislike let,quot; sei er, „wy moatte ok nedich nei hüs. Ik stel de forgearringo tit ta moarntojoun,quot; sei er.

De oare jouns kamen se wer by elkoar, mar de aldste tsjerkfaud hie yet syn rymrigel net klear. Hy hie de heale nacht, to wekker lein om dêr oer to hersenskrabjen, sei er, mar \'t hie neat jown. Den sei er al ris wer; „scheute . . . scheute . . . scheute ...quot; en op \'t lest biet er op \'e tos-

-ocr page 96-

90

keu en don hied er yet neat. Hja bleauwen de hele joun by elkoar en de aldste siet mar jimmer op syn rymrigel to brieden. Mar \'t wier om dóch. Hy krige \'t net klear.

„Mannen,quot; sei er op \'t iêst, „it is bêdgongers-tiid. Wy moatte aei hüs. My tinkt, wy moatte sneinneimiddei wer by elkoar komine. Den binne der twa dagen twiskentiid. Den scil der my dóch op \'t lest wol ris hwet yn \'t sin komme, scocne min hoopje. IIwent nou kin \'k hjir yet wol in pear ure sitten bliuwe, mar den krij \'k it doch net klear, dat fiel ik wol oan my seis. Ik wird ho langer ho staffer. Wol \'t my snein ek yet net slagje, den wit ik net mear hwet wei ik ynslaen scil. Den bin \'k er mei ütleard. Wy kinne dóch op \'t lest ek net mear alle ears-opgongen by elkoar komme om sa\'n flarderich rymgedicht. Sa\'n hcislike boel ha \'k yet noait sjoen.quot;

De oare tsjerkfauden seijen ek al, it koe der hast net mear lans om mei sokke by-ieukomsten de tsjerke op kosten to driu.ven. Mar ieukear moast it den dóch yet mar ris wêze.

It waerd sneineimiddei en \'t wier soel on brodsich waer. De forgearringe wier foltallich, mar . . . dy forflikte rymrigel wier yet net klear. Hwet mear wie, dor siet tonger yn \'e lot\'t en \'t waerd al in bytsje swierwaer. It durre net lang do bigoun it to waeijen on to reinen net in bytsje. Heel end al gjin waer om to rimen. De aldste tsjerkfaud siet sleau by de tafel en seach ta \'t finster ut. Der hied er quot;t each op \'e nije tsjerke.

Yn ienen slacht er onforhoeds mei de t\'üst op \'o tafel, sa ftil, dat de kopkes en pantsjes der fen rattelen en rinkelen en syn trije maten waerden alder-aeklikste kjel. „Mannen !quot; róp er, „jou my gau in tabakspude of sahwet, ik ha de rymrigel foun.quot; — En do \'t er in flarde pompier hie skreau er:

„As \'t reagent lop de geute.quot;

-ocr page 97-

91

Do wier der greate bliidskip, der kinn\' jimme mar op oan. De aldste tsjerkfaud sette liiin yn postjquot;!1 mei de rêcli tsjin \'e keamersdoar oau en lies mei in foarse stinime it hele rymke foar. Dat wier nou sa:

„De olde karke is of-ebrand,

Dat kwam al deur quot;en snidersklant,

Dé deed dat mit \'en sebeute.

As \'t reagent lop de goute.quot;

Sjucb, de luizen wieren dér yn dat drintske doarpke al-legearre mei reid of strie ditsen en goaten om \'e linzen dGr wisten de ljue net fen. De nije tsjerko der liione se nou pannen op en ek goaten der om. Mar sa lang as dy do loin hiene bic \'t yet net ris reind, en nou wier dat goate-rinnen alheel bwet nijs for dy ljue. In hele boel hiene \'t noait earder sjoen. En dêrtroch makke de tsjerkfaud der ek sa mar yn ionen in rymrigel fen.

Mar nou freegje \'k jimme: wier dat in rymke mei skik om boppe in tsjerkedoar to stean? Wy sizze wis allegoarre: Né, it koe gjin forstannich minske yn \'t sin komme om it dêrta briike to wollen. Dy tsjerkfouden dor mienden oars, dat it wol in moai rymke wier en dat it hjarren mei al hjar drokte dóch op quot;t lest yet mar tige goed slagge wier.

Mar do \'t se quot;t aid dominy sjên lieten krigen se bjuster de wyn fen foaren. IIy bigoun to skelden en to razen op in freeslike monear. Hy mieude dat se dat ding lit mallich-heid by elkoar lappe hiene en by sei, it kaeiii net to pas om sa mei tsjerkesaken to spotten, foaral for gjin tsjerkfau-don. Do \'t er \'t op \'t lest dóch hast wol leauwe moast, dat hja it wrachtich goed mienden, do sei er: „As wy sa \'n ding boppe de tsjerkedoar setten, den moasten wy net wiis weze.quot;

Do moast it oergean. De aldste tsjerkfaud doarst him

-ocr page 98-

92

dór allike min tsjin fors et te as de trije oaren, mar it noaske him oars divekerse min. Hy koe dat yn \'e earste trije wike net forjitte. — In jier of hwet letter moast de tsjerke fen binnen ris wer op \'e nij wytte wirde. De aldste tsjerkfald, dy yet altyd min of mear it sur hie oor dat mislearre plan mei dat rymke, halde tasiclit oer dat tsjerkewytsjen. De ferwer stie, fensels, onder syn oarders, mar dy man stelde dóch iit om mei svvarte letters in skriftuerpleats op dy wite mürre to setten.

„Né,quot; sei de aide, „dat hoeft net. Hwet yn bibel en testemint stiet, kinne de ljue der allegearre seis yn léze. Mar ik scil in rymke meitse fen twa rigels. As dat klear is, scil \'k it jo jaen en den sette jy it op \'e mürre, sonder dat domeny of in sterveling it earst lest of der hwet fen komt to witten. En den moatte de foarletters fen myn namme der onder.

Hy gyng nei hüs, dér siet er in ure twa to prakkesear-jen en do gyng er wer nei de ferwer. En do \'t it folk de sneintomoarns dêrop yn \'e tsjerke kaem, do stie der yn \'e foartsjerke, mei swarte letters op \'e wite murre to lezen:

„In \'t jaar IShonderd ditte (1807)

Is deze muur gewitte. P. H.quot;

Mar do domeny dat lézen hie, het er sa heislik op \'e aid tsjerkfaud kibbe, dat dy it for altyd forpofte om mear mei rymkemeitsen to pielen

„Nou,quot; sei Japik Sipel, „nou ha \'k al folie mear heard as \'k myn wiif oerfortelle kin. Mar ho scoe \'t komme, Lut-sen, sooe dy domeny, dér \'t jimme hjoed hinne west ha, hjir ek biroppen wirde?quot;

-ocr page 99-

93

„Der kin \'k yet neat fen sizze,quot; sei Lntsen. „Der moatte yfj yet ris ora by elkoar komiue.\'\'

„Nou, den mar wol to rêsten.

Baes Ealse syn Papegaei.

Net allinne for de minsken is \'t fen bilang dat se goed praten leard ha, for in dier kin dat ek wol tigo nuttieh wêze. Hwet ik jimine nou fortelle wol scil dat biwize.

It is al lang lyn, it wier yet yn de tiid fen de grytman-nen, do wenne der to Jinsenbürren in bak\':er dy \'t baes Ealse hiet. Dy hie fen syn skoanfaer, in aid sékaptein, buten in aerdich kaptaeltsje en in restje alderwetsk pos-lein — ek in papegaei erfd. Dat wier nou ien fen dy in-kelden dy \'t sa snoad biiine, dat se wirden en sprekme-nearen, dy \'t se mar in kear twa heard ha, dalik neiprate kinne. — Mei syn snoadens hie dy papegaei in hele bulte minsken yn forbazing brocht. Alle ljue hiene noeht oan dat ding en hy hie der folie mei ta dien dat baes Ealse in tige drokke nearring hie. Dêrom kin min maklik bigripe, dat baes mal wie mei Kobus — sa hiet de papegaei. Ja, baes hie al faker as ienris sein, dat er it beest for gjin honderc gouno misse woe.

En ik leau ok wol dat er dat miende. Dy fügel sei man-nich wird, dat de minsken grif kwea nomd hiene as \'t üt baes syn mule komd wier, mar dat se fen de papegaei for gekheid opnamen en der tige om laken.

Kaem der in wyfke foar de toanbank dy \'t sei: „Baes, hwet ha jy hjud wer kloek oor de krinten wést; dy pof-kes dér sitte hast gjin ynquot; — den róp Kobus: „\'t Is in krappe tiid.quot;

-ocr page 100-

94

„Ei, hwct witst dou dor fen?quot; sei \'t wyfke dan.

„Domkop! mear as dou!quot; sei de fügel dêr op en\'t wyfke roan slop fen laeitsen foart.

Kaem der in kreas jongfaem om boadskip, don wie \'t: „Hwet in moai kopke!quot;

Sei sa\'n faom biskamme: „Dy domme fügel wit net liwet er bisnettert, don sei Kobus: „\'t Is dóch wier.quot;

JTou, den krige er ek wol ris in twiebak of in süker-koekje. Hwent al bearden de famkes dat se der in hekel oan liione as do fügel hjarren soks taróp —■ dat wie yn \'e groun dóch sa net.

Op sa\'n menear hie Kobus it by alle frouljue goed stean. Tsjin manljuo hulde er him meastal stil, dêr skynde er net folie dwaen mei ha to wollen.

Mar \'t kaem op \'t lest sa, dat de papcgaei mei al syn knappens him wirden en saken yn \'e holle printe, dêr \'t for syn baes en frou forkcarde aksjes \'it foartkamen.

Baes Ealse wie in man dy \'t syn saken tige omgean koe en hy hie in beste bakkerij — mear as in kostwinning. Mar hy hie ek in aerdtsje fen bigearlikens oer him. It like yet net hirdernóch to winnen nei syn sin. Hy hie altyd twaderlei brea. Tn \'e winkel hied er güds stean, dat koe altyd goed wicht halde, mar den hied er ek gilds, dat hwet to licht wie, en dat hied er yn sa\'n keammerke after de oun. Kamen der ljue dy \'t fen \'e earmesteat ondorhalden waerden of by baes yn \'t kryt stiene, en om dy beide reden net bést nei in oare bakker rinne koene, — dy krigen fen dat lichte brea. Ljue, dy \'t baes graech foar eagen balde woe, dat wieren fen sela güds dy \'t goed bitolje koene en mei hjar ginst gean hwêr \'t se woene, — dy doarst er dat lichte brea net jaen. Mar sa\'n menear fen dwaen wie oars al min, nou? Ja, sokke ljue het me soms.

Kamen der gfids yn \'e winkel, dér \'t de frou bast mei

-ocr page 101-

05

oan wie, oft so licht brca ha moastcn of net, den róp baes mar efkes: „Efter \'e oun !quot; en den wist hja wol ho lot it wie.

Yn dy tiid kaem nou en den de grytman mei in stik twa trije oare mannen by de bakkers lans om it brea to weagen. De aid grytman, dy se der hiene, makke net folie drokte fen dat wirk. Dy aldman wier bang fen moeite en spil en sa wier \'t baes Ealse mei syn ondogens dwaen yet altyd goed êfgien. Mar hja krigen in mjc grytman en dat wie in tule kearel, dy woe neat trooh de fingers sjên. — Xou liet eltse minske syn goefrjeonen wol, mar syn kweaginders ek al. Sa stie \'t mei baes Ealse ek. En ien fen dy ljue knoopte de grytman yn \'t ear, dat it mei baes syn brea altyd lang gjin suver spil wie. En do dy mynhear kaem to breawea-gen, seagen baes en \'t wiif beide wol, dat hy der frijhwet mear wirk fen makke as de aide. It brea yn \'e winkel waerd allegearre goed bifoun, mar do bigoun de grytman roun to sjên, oft er ek mear wier. — Thies en frou wieren al yn tuzen noeden, mar gelokkich! dat kcammerke eftor de oun. der seach mynhear net yn. Mar wie \'t net heislik?! der bigoun Kobus to snetterjen; „Efter \'e oun! Efter \'e oun!quot; — Do wier \'t baes en \'t wiif oft se troch de groun sinke scoene. De grytman hie der lykwol gjin ereh yn, mar ien fen de mannen dy \'t by him wieren, frege: „Hwet seitdy papegaei ?quot;

„Och, dy tsjaffelt mar hwet,quot; sei baes. Mar Kobus róp al wer: „Efter \'e oun!quot; — En dy man sei: „Wy moatte yet ris better siikje.quot;

Do waerd it baes en de frou to binaud. Hja glüpten nei efteren en knipten yn \'e turfskürre yn in tsjuster hoekje biside. Hja scille do sahwet it selde yn hjar binnenste field ha, wol \'k leauwe, as Adam en lefke by aids, do \'t dy yn \'t tichte beamkegüd biside krüpten.

Dat keammerke efter de oun kaem iepen en alle brea

-ocr page 102-

9C

dat der wier waerd to licht bifoun. De grytman liet it dalik nei de herberge bringe om \'t oan de earmen üt to delen. En mynhear sei tsjin \'e faem, dy \'t mar ailinne mear yn \'e foarein fen \'t lifts wier: „liwet er mear fen komme scoe, dat moast baes Ealse mar ofwachtsje.quot; — Do sakken de mannen wer óf.

Do \'t baes en \'t wiif wer foar \'t 1 jocht karnen, wieren se alheel poer op \'e papogaei. De bakkerinne sei: „Dy bi-roerde fugel moat ta de winkel üt.quot;

„Praetste fen ta de winkel ut?quot; sei baes. „Ik wol him net mear yn myn bus ha. Ik meitse him dea. Hy het my foar \'t hele doarp ta skande makke. Ik doar de holle net buten doar stekke.quot;

JN\'ou, dat hied er net fier mis. Hy koe \'t net litte om ris oer de onderdoar to kypjen oft de ljue op \'e barren ek in hopen drokte hiene mei de histoarje. Mar sa gau de jonges him opmirken hearde er oan alle kanten: „Efter \'e oun! Efter \'e oun!quot;

Dat makke de man alheel breinroer. Hy pakte yn ienen de tienen kau mei de fugel der yn en fleach er mei ta de efterdoar üt.

It wiif koe dalik sa mar net fen Kobus óf sjên; hjaróp: „Nou, it hoeft yn ienen sa mal net as \'t kin!quot;

Baes steurde him dêr net oan; hy sei: „Elk moat ha hvvet er ha moat,quot; en hy koegele de kau mei de papegaei der yn fen fierren yn \'e aid opfeart dy \'t by syn cftenit lans roan.

Do \'t er Kobus yn syn binypte romt wakker skreppen seach, om it forsOpen to ontkommen, do bigreatte \'t baes ek al wer om it beest, en hy wist hast net oft er de put-heak krije scoe om de kau wer oan to heljen — of net. Mar sjuch, dêr snapte, troch Kobus syn wirsteljen, it doarke los. Kobus krüpte ta de kau üt en \'t slagge him plak to

-ocr page 103-

97

nimmen op in aid wylgen stobbe, dy \'t oan\'e oerkant fen\'e opfeart yn \'e wal siet.

Wyls \'t er der syn wiete kros hwot iltskodde en syn fearren hwet torjuchte striek, kaeni der in lange turf, dy \'t fen in bokskipper syn fracht óf fallen like to wezen, de opfeart lans driuweu. Kobus kipe dor earst cfkcs nei en do sei er: „Hest dou ek fen \'t lichte brea klapt?quot;

En dcrop boarst baes Ealse sa danich \'it fen laeit-sen, dat er hast net wer ophalde koe. En do \'t er wer ta bidarjen kaera, wie syn lilkens ek al gans in bytsje bisakke.

Hy sei tsjin Kobus : „Nou kom, ik soil dy mar wer yn genade oannimme, liwent as \'k my goed bitink ha \'k seis de measte skild. Mar dit siz ik dy: as ik nou yet alderdi-velst bliede moat om dyn forklapperij, den wol ik dy net mear yn \'e winkel ha, den mast yn dat skimerige kcam-merke efter \'e oun hingje. Mar reitsc \'k fnj mei \'t forlies fen in restje healbreaën en in lichte boote, den scil ik dêr yn birêste, hwent elk moat ha hwet er ha moat. En den komst dou wer op dyn aid plak to hingjen.quot;

Baes helle Kobus fen \'e stobbe, sette him wer yn \'e kau en hinge him efter de oun, dêr \'t er wol ridlik gau hwet opdruije koe. Dat baes Ealse, do \'t syn lilkens bidarre wier, yn ienen wer sa goed op Kobus wier, dat kaem om \'t er him seis skildich fielde, en derby tocht er: „Ho stilder ho better.quot;

Hied er gjin to licht brea bakt, den hied er net tsjin \'t wiif hoefd to roppen: „Efter \'e oun!quot; en den hie Kobus dat net neipraten leard. Dêrom frege er by slot fen rekken him seis ris óf: „Hwa is de dogeneat Kobus of ik?quot; Do bigoun er to tellen op \'e knopen fen syn bakkerskyltsje: „Kobus, ik; Kobus, ik; Kobus, ik,quot; — en op\'e leste knoop kaem „ik.quot; — «Ja,quot; sei baes by him seis, „ik bin de skil-dige man, howol iit Kobus syn fraech oan \'e lange turf

7

-ocr page 104-

98

goedernóch blykte, dat hy mei opset sin en forstannich oer-liz myn kwea forklapt het. Mar den is dat domme dier dóch altyd yet in heel ein better as ik.quot;

Baes Ealse waerd al ridlik gau wys hofolle boete er bi-telje moast. Dat foei him yet al aerdich mei en do kaem Kobus wer op syn aid plak yn \'e winkel to hingjen.

Baes bakte net wer mei opeet sin to licht brea. En Kobus onthalde \'t wiete leksum, dat er krige hie for syn for-klappen. Hy babbele safolle net mear as tofoare. Barde \'t for in inkele kear ris, dat in healbrea by ongelok in lead of in heallead to licht wie, den joecb baes der in bóltsje of in stut op ta. Wie der den ris ien, dy \'t sei: „Och, dat hoeft net, baes, sa nau nimme wy dat net,quot; — don róp Kobus: „Elk moat ha hwet er ha moat.quot;

In doar-p yn opskoer.

Pier Ales hie in winkel fen earte, moal en grót. Pen kofje, thé en süker, fen oalje, sjippe en salt. Pen spek en smoar en buter en fryske en oare tsiis. Pen klompen en fen talhout en turf en biezemriis. Ek fiterban en knopen en stopjern fyn en grou; Hanskrobbers, heiden biezems en dweilgud ek en tou. Ek teamzen, kouwedekken, luiwagens, biendergüd, Ek poatten, pannen, sleven en leppels en sa foart.

Moai blykgud ek en glêsgüd en thégüd en poslein. Koartom, woe \'k alles neame den krige \'k net in ein. Ek sipels, rammelatsen, as \'t dêr de tiid for wie. Om \'t Pier, om soks to bouwen, in lape tungroun hie. \'t Wie sa mar: „nequot; forkeapje, dat woe de man net Ijeafst.

-ocr page 105-

f)9

En hwet de ljue der kochten wier allegearre best.

Hy koe de saken omgean en wie mei t güd net djür.

It is mar sa gelegen, dat wint it op in dür.

En drok! hwet hie \'r in drokte! dat stie sa\'n hele dei

Net stil, gjin fiif minuten; it roan aloan, alwei.

Hy gyng wyks trije dagen om utens en forkocht

De minsken güd op munsters, dat waerd hjar letter brocht.

Syn wiif paste op \'e winkel en Poaike wier dêrfor

Sa goed as do alderbêste birekkno, leau dat mar.

Hja wier sa rêd as wetter en mei de holle klear.

Nou, dat is folie wirdich yn sokken drok affear.

In faem, in flinke fotse, moast alle hüswirk dwaen.

Dy hoefde hjar ek lang net nei luiterjen to jaen;

Hja hie \'t der tige bannich, \'t wie moarns ier en jouns let

Mar altyd repdy! skeardy! fen sitten kaem hast net.

Pier hie ek nocht oan sjitten, der pielde er hjertsmes mei. Oars wie er for syn saken hast altyd op \'e wei.

Mar yn \'e jeijers-rite den moast de tiid der ou,

Den gyng er soms ris efkes for dat wirk op \'e sjou. Mar do \'t de stoarje bard wie, dy \'k nou forbelje scil, Do jóech er \'t oer, hwent Poaike wie sint for krud sa skril.

\'t Wier op in sjeuntojoune wer drok, dat wien\' se wend; De frou wier eftr\'e toanbank der heal yn wei omtrint. De wiven dy dêr stiene to wachtsjen babblen mar Oer alderhanne dingen, en dat wie dóch for hjar Wol lestich soms by \'t letten op jild en miette en wicht, \'t Wier ien gelok, hja brochten hjar fen \'e streek net licht. De baes wier üt to jeijen. It wier oars ek al joun ; Hy hie fêst hjirre of dêrre in plasterplakje foun.

-ocr page 106-

100

De faem wier yn \'e keamer oan \'t skreppen mei de bern

En moast ek twiskenbeiden nei oare dingen sjên.

De fron róp : „Fet, kom hjir is! Och heden! helje dou

In stik of fjouwer dweilen my üt it pakhüs gau,

En trije reade testen en ek in biezem twa.

In bytsje fluch mast weze; \'k moat ek in handoek ha,quot;

De faem róp: „Ljeave sauntsien! ik ha gjin ienris Ijooht; Us lytse lamp wirdt makke, dy ha se yet net brocht.quot; De frou taest om hjar hinne: „In eintsje kears, hawar! Stek dat mar op en réd dy sa goed as \'t kinste mar.quot;

Dat sei se tsjin gjin dóve, de faem wie handich klear. En hwet de frou forlange brocht se yn \'e winkel gear. Do gau wer nei de keamer, dêr koe se net lang wei. Mar mei in heal ketierke róp wer de frou en sei: „Hea Fetsje, ju, hwêr heste dat kearske nyskes brocht?quot; „Och, ljeave ginst!quot; róp Fetsje, „dêr ha\'k net wer om tocht Mei al dy felle drokte. Dat eintsje kears dat stiet Dêr efter yet to barnen; dy krükfol sipelsied Dêr boppe de oaljefetten, dêr ha :k it fêst yn set. \'k Moast beide hannen brüke, do ha \'k my sa mar redt.quot;

„Och Ghot! dêr is gjin rie ta!quot; rop Poaike wit ho Ind. „Hwet sipelsied! och heden! dat is een kruk mei krüd Dêr \'t se yn \'t gewear mei sjitte. Och, ho scil dit bislaen ? Mar ien onnoazel fonkje der yn, — dat kin \'t us dwaen. Och minsken! hwêr scil \'k hinne ? Ik doar der net nei sjên. Wier Pier mar thus! och heden! ho scil ik mei myn bern ?

De wiven yn \'e winkel dy seagen elkoar oan;

Gjin ien koe earst hwet sizze, hja wiene alheel bistoarn. Mar ien dóch onder allen, dy \'t efkes dryster wier, Dy sei: „Pak dóch dy berntsjes en bring se wit ho fier.

-ocr page 107-

101

Hja gyng ek yn \'e keamer en Fet en Poai hjar nei, Mar de oare frouljue joegen hjar as de blits der wei; Hja fleagen troch de bürren en jamren, och sa raer: „O, minsken ! bergje jimme, wy binne yn great gefaer. In krök t\'ol krüd ! in kearske dat barnt! as dat ontploft, It kin net lang mear dürje, den fleane we yn \'e loft.quot;

It folk kaem lit de huzen en frege hwet der wie. It spande om wys to wirden hwêryn \'t gefaer bistie. \'t Wie allegear forwarring, gejammer en gerop;

Mar dy \'t de saek bigriepen dy skrilden der fen op. Dy \'t neat hie to forliezen naem gau in koart bislnt En sette \'t op in rinnen, mar hird de pündyk ut. Mar Ijue dy \'t hwet bisioten dy wisten net ho \'t scoe. De boel sa mar forlitte! gjin ien dy dat graech woe. Alhiel neist Pieres wenne sa\'n stille rintenier,

Dy gyng dér for de rykste, en stellich wóech er swier. Do dy \'t gefaer bigrypte biredte er him mar koart; De brankas op \'e kroade en handich dèr mei foart.

Wier elk oars fen \'e wize, hy like heel bidaerd.

\'t Wier bjuster yn hwet spanning der skoerd en helle waerd. De memmen wiene allinne mar om hjar bern yn noed; Dy sloven waerden sa mar ut krêbbe en widze skoerd. Den gyng it op in gulen, ougryslik! sa\'n gebear!

De selde dêr by bljuwe, dat koe gjin minske mear.

Polysje en branspuitbazen wierne ek al op in bien, Hja woen\' de branspuit klear ha, mar óch, der wie gjin ien Fen \'t branspuhfolk to finen, elk birch him ut \'e wei. En nei dat barnend kearske dêr seach gjin minske nei.

Pier Ales Poai wier suver alhiel hjar rie to\'n ein,

It like hast, dat minske wie \'t yn \'e sinnen slein.

-ocr page 108-

102

It Ms en \'t doarp ontfluchtsje, dêr tocht se n\'t ienris om \'t Wie krekt as wie se yn ienen for alles dom en stom. En Fet wist ek net hwêr \'t se har seis forbergje scoe, Om \'t elk mar hjar allinne de skild oanwrjuwe woe. Hja rópen hjar tomjitte; „O, skepsel, hwet hest dou In pak op dyn konsjinsje! dat kin der noait wer ou.quot; Dat hindre hjar ougryslik, omdat se onskildich wie. Hja hie gjin kears yn \'t krüd set as hja dat witten hie. Hja waerd op \'t lest manmoedich en sei: Ik bin biredt: Der onder of der boppe, ik weagje in slimme set. Ik wol dat kearske helje dêr üt de krüdkrük wei. Us hele doarp kin \'k rédde as dat my slagje mei.quot; It kearske barnde fleurich yet midden yn dat krüd, Do \'t Petsje dêr op ta kaem. It fanke sloech gjin lüd; Hja seach wol dat it eintsje, dat boppe \'t krud üt stie, Twa fingerbreed, net langer, mar earder koarter wie. Dat dêr üt wei to krijen, dat wier in taeije sneed. Hja naem it heel foarsichtich mei tomme en finger beet En tilde \'t op: o! bald it foaral goed rjucht oerein! len stap tobek, — gelokkich! it wier nei winsk beslein. Do fleach se er mei nei foaren en róp: „\'t Grefaer is oer De frou róp üt: „Och heden!\'\' en rekke op nij oerstjOr.

Dat hearde de polysje, dy scoe der krekt op ta. Mar kearde \'m om yn ienen en seach net nei dy twa; Do roan er troch de bürren en róp: „\'t Gefaer is oer!quot; En dêrop kaem ien ienen nij libben en rumoer.

De helte fen \'e minsken wiene al it doarp üt tein. Mar dy der yette wieren dy setten \'t op in ein Mei roppen en mei razen. Hja wiene onfóege bliid.

Dat allegeare barde yn folie koarter tiid

As ik it hjir forteld ha. Och, och! it wier sa raer

-ocr page 109-

103

In hoatsje der omwei gtfen. Nou, buten deadsgefaer Bislütten se allegearre op Pieres ta to tsjen;

Elk woe dy kruk mei boskrfld en ek dat kearske sjen. Eearst moasten se yn \'e keamer, hwent efter wie gjin Ijocht ; Mar hwet se der bifounen, dêr hie gjin minske om tocht. Der laeijen Poai en Fetsje yn onmacht op \'e groun. d\' Utstiene felle eangstme wier oer \'e fust hjar i\'oan. En tink ris ta ! dat kearske, dat Eet ontfallen wier, Dat laei dêr tichte by hjar to barnen op \'e flier.

Nou, dêr hie ommers maklik yet bran fen komme kind. It wier \'n gelok ut tuzen, in wonder wie \'t omtrint. Dat dat sa bést bitearde. — De frouljue w7aerden redt; Earst hwet om hegens holpen en do op stoellen set; Do skrepte mei koloanje en yettich elk om striid. Sa krigen se dy minsken al wer hwet by de tiid.

Hja wieren mei dy drokte mar efkes sahwet klear, Dêr kaem Pier Ales binnen mei weitas en gewaar. Do vvoene se allegearre fortelle, mar hy sei:

„Bidarje mar ris efkes, ik ha \'t forslach al wei.

Elk róp it op \'e bürren my al fen fierren ta.

Dit is saquot;n gekke stoarje as \'k oait bilibbe ha.

\'k Moat sizze, jimme skatte my al onnoazle dom.

Pas op ! ik gean mei boskrüd sa waerloas lang net om. Hwa sei it, dat it krüd wie, dat yn dat krukje stiet Dêr efter yn myn pakhüs ? — \'t Is neat as sipelsied.quot;

„Is \'tsipelsied? —■ „Wel wrachtich!quot; „Is \'t sipelsied?quot; —

(„Wel ja !

Kom allegearre yn ienen mar mei nei \'t pakhüs ta.quot; Dat diene se en bikipen dat güd. Ja, \'t wier net oars, \'tWier sipelsied. Do seagen se bjuster op \'e noas.

-ocr page 110-

104

Mar Pier eei : Jimme sleauwens fen jouns der kin\'k net by. Fordeald ! jimme allegearre ha dommer west as kij.

Jlio dat nou wrachtich krud west, myn Ijeave ginst nocli ta! Deu scoene jimme \'t ommers mar springe litten ha. Wie dat nou dwaeu for kearels! Myn faem het op it lest Forstanniger en flinker as \'t hele soadtsje west.

As dat nou wrachtich krüd wie en ik der by wést hie, Den hie ik ommers dalik wol witten hwet ik die.

Den hie ik dea-ienfaldich in kop fol wetter nomd.

Dér hie \'k de kears mei xit bruid, den wie der neat fen komd.quot;

üêrop sei nimmen folie; de measten fielden \'t ek.

Sa \'t hja hjar halden hiene, dat wie hwet al to gek. „Nou komquot;, sei Pier, „wy scille \'t mar mei de grap bislaen. Ik soil jimme elk in hapke for de alteraesje jaen.

En hwet dei- mear lit foart kaem dêrfor wit ik wol rie. quot;t Is better sa as dat er in krüdmyn sprongen wie.

Nou is \'t biroerdste yette, men soil mei \'n dei of twa Pen disse grap in stikjen yn alle kranten ha.

As dat wie to biletten, den hie \'k er hwet tor oer.quot;

Der wie ion yn quot;t foarmidden, dy hied er op \'e loer. \'t Wier Pekke Jolles Meile, in lange sloppe fint,

Pen trije of fjouwer kranten de fêste krespondint.

Nou, dy waerd troch de raanljue gau yn bisnijing nomd, Hja seijen ; „Peiut, as hjir hwet fen yn\'e krante komt. Den scill\' wy mei elkoarren dyn slop- en taeije lea Ris ongenedich knipe, al gietst der ek oan dea.quot;

Dat holp. Der het gjin wirdke fen yn \'e kranten stien. It is in jier of fyftsien nou al forlyn misskien.

Nou waerd it my langlêsten forhelle fen in frjeon.

En nou hab ik it weage, ik ha quot;tyn rym biskreaun. It scoe my spite as imnien dat kwealik nimme woe,

-ocr page 111-

105

Hwent siker, \'twie onmoglik dat \'k dnt nou litte koe. Mar Pier jóech do, hwet nimmen ek fel binije scil, It jeijeu oer, hwent Poaike wie sint for krud sa skril.

1886.

Hwet forgetten.

It wie, leau \'k, op Peanwaldsterwal, Oars wie \'t tominsten yn Kükherne, Dêr hiene Sierd en Lysbet al Forskate jierren rèstich wenne.

Hjar boerkerije wie net great, Mar sjuch, hja tierden ek gjin steat, Sa koen\' se \'t folie better stouwe As rjue foar \'t each foarnamer ljuwe.

Hjar beide bern — hja hiene twa — Dêr koene se aerdieh tsjinst fen ha. It wier in fanke mei in jonge.

Dat wie foardelich for de ponge, Hja kosten neat oan boadelean.

Fensels, hja krigen kost en klean; Mar eigen giet er mei op \'t lést. Hwent eigen folk docht fül syn best.

Sierd ried meast om \'e wike twa, Ek wol ris om \'e wike of trije. Op merkedoi nei Dokkum ta.

Hwent hwet syn lytse boerkerije Him joech, waerd meastal dêr forkocht En mei \'t aid weintsje hinne brocht.

-ocr page 112-

10(5

Der naem er Sjoukc folie mei.

As dy hwet oars moast sokken dei Kaem Ejimke, \'t fanke, \'s can \'e bar. Dat wier in pretsje den for hjar.

Mem liie gjin oanstriid ta sa\'n reis.

ïfei tsjerke gyng se sneins, mar deis

Den woe se Ijeafst mar skrippe en klauwe

En by hjar eigen drokte bliuwe.

Dóch rekke for in inkle kear

Lys ek ris mei nei Dokkum ta.

Mar dat bikaem it minske sa:

Do \'t oer wier sei se: „Nou net mear!quot;

Hjar sister Gredske wier as faem

Dat üt nei Kollum komd to tsjinjen,

Mar do dat fanke troude kaem

Se yn Dokkum mei hjar man to wen jen.

Do socht se Lysbet op for n dei,

En hwet do yn \'e reden lei,

Lys moast nou ek to Dokkum komme;

\'t Scoe min stean as se dat forsomme.

Nou, dêrta wie se gau biredt;

Hwent Greds wie elkenien ek net.

In op in moaije wensdeimoarn Teach mem hjar béste spillen oan. Hja waerd yn \'t strie op \'t weintsje set En heit en Sjouke foar op \'t kret, Sa sjoksle dat nei Dokkum ta.

By de oankomst moast se in lieder ha; Hja wist net hwêr \'t hjar sister wenno. Mar Sjouke wol, dy brocht hjar hinne.

-ocr page 113-

107

Twa üre wier de klok for Sierd

Hwêrop er wer üt Dokkum ried;

Mar Lysbet woe hwet langer bliuwe,

„Oars ma\'k my,quot; sei se, „op \'t lést sa driuwe

\'t Moat trije wirde ynpleats fen twa.quot; —

„Nou goed,quot; sei Sierd, „den moat it sa.quot;

Mar mei syn skrippen yn \'e stêd Forgeat de man syn wyfke glêd.

Twa ure foart wie \'r sa goed wend.

Dat mei de klokslach wie \'r presint, En Sjouke \'t selde. Foar de wein Waerd alderwenst de brune slein.

Heit sei: „Forjitte wy nin byt?quot;

Ne, heit, sa fier as ik it wyt.quot; —

Heit sei: „\'k Wyt ek net hwet it is.

Doch mien ik yette dat \'k hwet mis.quot; Mar Sjouke sei: „Sa \'t ik jo siz,

Wy habbe üs spillen, heit, dat \'s wis.quot; — „Nou, jonge, ast dou dor fêst op stietste. Den is \'t in dom bigryp fen my,

Omst dou goed wis op alles biste. —

Foart, brune ! foart mar, siz ik dy 1quot;

Dêr rólle \'t bolderweintsje hinne Aid Dokkum üt de Walden yn;

Mar Sjouke praette meast allinne.

Heit sei al somtyds hwet üt skyn.

Mar dóch syn praten waerd net folie.

Der spile him hwet yn \'e holle.

Hy sei al wer: „\'k Wyt net ho \'t is,

Ik mien mar dat wy hwet forjitte En \'k kin net sizze hwet it is.quot;

-ocr page 114-

108

„quot;Wel stom! scoe ik dat den net witte?quot; Sei Sjouke. „quot;Wrachticli, heit is mis.quot;

Hja kamen de Falom t\'oarby

En de aide j euzie wer op nij,

En by de Skylgo Piip al wer,

Dat Sjouke sei op \'t lest: „Sje der!

\'k Ea Ijeafst heit dat jy dêroer swije,

Oars kinn\' jy my wol koegelsk krije.quot; —

Hja kamen dêrmei thiis op \'t hiem En by de skerne der stie Riem,

Dy róp: „Is mem net mei werom?quot; En Sierd sprong fen forbazing op En Sjouke sloech him foar de kop En sei: „PIwet is \'t nou stomme dom!quot;

Ik sei al: „Wi ha hwet forgetten,quot; Sei Sierd net malle mak, „mar dou Sloechst dat mar test en stellich ou,

Oars hie \'t my wol to binnen sketten. Eordeald! it is hwet al to slim:

Ik Lys forjitte en dou dyn mem!quot;

Dat joech in bjustron alteraesje En Sierd hie frijhwet ergewaesje.

Mar ta bisliit do kaem it sa:

De soan moast wer nei Dokkum ta Mei \'t weintsje en hel je mem werom. Lys sei: „Nou siz ik jimme, ik kom Net wer fen honk. Och, Ijeave sei!

Oars bring\' jim ray alheel yet wei.quot;

-ocr page 115-

Fike is wei.

It wier op in neimiddei yn \'e ierge hjerst, do\'t keapman Prilsma\'s faem danich fen \'e wize yn Jinsenburren omroan en oars neat die as jammerjen : „Fike ! Fike ! Och heden hwer mei Fike roan weze ? — Ha jimme lis lytse Fike ek sjoen ? IJy het in poas lyn mei my om boadskip west, do bin \'k him bjuster rekke en ik kin him net war fine.quot;

„Och hea noch ta! hwet makkest dou in opskoer om in houn,quot; seine sommige ljue. „As \'t nou in bern wie, den wie \'t heel hwet oars. Mar in houn — dy t\'ynt ommers al-tyd syn eigen hüs wol wer !quot;

„Ja, jimme prate hwet!quot; sei Setske. „A.s Fike net wer tolanne komt is der gjin rie ta. Ik siz \'t jimme, den is Baimoai bést yn steat om my de doar üt to jeijen. Hjar lytse Fike dér is se allike mal mei as in moer mei hjar bern. Der stiet se folie mear noed fen as fen my.quot;

Setske, dy faem, wier al in eintsje oer de tritich jier. Hj a wier in sistersdochter fen keapman Prilsma syn wiif, dêroni sei se fen Baimoai. Mar dêrom net, sa waerd dat minske ek fen de measte ljue yn Jinsenburren neaind. Setske goesloof wier hwet domhaftich utfallen. Prilsma en hjarre hiene hjar yn \'e hus nomd om \'t se oars gjin thus hie. Setske alden wieren beide wei, sisters en broeren hie se net en kaptael allike min Kou brükten omke en moaike hjar mei-ien ek mar for faem.

Net allinne Setske roan dauich ontsteld de héle burren óf om Fike to siikjen, Baimoai seis wier ek al op in baen.

-ocr page 116-

110

mei ia holle sa read as bloed en bigoun tsjin alle ljue oer Fike. De bern, dy \'t se op de \'e bOrren seach, fitere se oan, dat se mei om Pike siikje scoene en hja brocht it hele doarp op stelten om dy houn. Dy drokte dïirre hast in pear ure, mar Fike wier wei en bleau wei. Hja moasten op quot;t lést it siikjen wol opjaen en ongetreast wer yn \'e bus gcan.

Keapman Prilsma wier by honk bleaun en hie de hele tiid foar \'t finster stien to dampen en to rikjeu as in kalk-oun. Hy hie syn bril ombeecb skoud yn \'t hier en kipe en digere troch \'t finster om de fronljue mei Fike gewaer to wilden. Do \'t er einlings hjarren der oankommen seach sonder houn, do waerd er sa wyt as in mürre. Hy sloech do bannen yn elkoar en bigoun bjuster to lammetearjen. Mar do \'t de frouljue yn \'e hüs kamen boarst er in on-waer los, alheel freeslik ! Hy bigoun to skelden en to razen, sa ougryslik, dat se \'t yet noait sa fen him heard liiene. Hja wisten fen binandheid net hwêr \'t se krüpe scoene. Baimoai gyng yn in tsjnster hoekje efter \'t kam-inenet sitten en waerd sa moeilik dat se de triennen net ynhalde koe. Setske naem de fiecht nei de koken en bigoun dêr lüd to skriemen.

Mar dat holp allegearre neat. Fike kaem net werom. Alle moeite en neifreegjen en pinfiskjen, dat se dei by dei diene, wier om \'e nocht. Prilsma sette ek in advertinsje yn \'e krante. Dêr onthiet er in goede bileanning by oan de jingo dy \'t Fike wer thus brocht of oanwize koe hwêr \'t er siet. Mar dêr kaem ek tael noch teiken op.

Alle ljue yn \'e bürren hiene de gek er mei en laken der om, dat dy minsken sa\'n onbidigen spil ntjoegen om sa\'n smoarch flarde fen in houn, — sa \'t in hopen seijen. Mar Setske moast der meast om lije, net allinne thus, mar ek as se de bürren lans kaem. Den hie se gau in kliber

-ocr page 117-

Ill

jonges efteroan, dy \'t oars neat diene as roppon fen: „E\'ike! Fike! Ha jimme quot;s lytse Fike ek sjoen?quot;

Keapman Prilsma en Baimoei hiene hjar Ijeat\'de op Fike oerdragen, sint hjar bern ta de doar ut wieren. Hjar soan Tsjomme hie hjar dat dierke presint jown, krekt foar \'t er op reis gien wier nei East-Ynjen. Sint dy tiid wier dat hountsje hjar wille en hjar treast.

Earst hiene de alden in tsjinnichheid yn dat beest. Hja hiene \'t hjar libben lang noait mei hounen op hawn en Tsjomme krige de wyn fen foaren, do \'t er mei dat ding thus kaem.

„Hwet scille wy mei dat flarde dvvaen?quot; sei heit. „Sa lang as wy troud binne ha wy noait in houn hawn en nou \'k hast in aid man bigjin to wirden, kin \'k er alheel gjin spil mei ha. As er my foar \'e foetten rint, kin \'k wol oer him falie en ik kin him wol dea traepje.quot;

„Och hea ja!quot; sei mem, „hie dy houn mar bliuwe litten der \'t er wier. Hwet mienste, Tsjomme, dat dy lis it plak fen dy en dyn sister oanfolle kin? Nou \'t wy jimme great brocht ha, moatte wy \'t nou mei in houn bisiikje? Nou^ ik for myn holle, wol neat mei dat ding to meitsen ha.quot;

„En ik allike min,quot; sei heit. „Dér scoe jierliks ek trije goune bilêsting fen bitelle wirde moatte. Dat ha \'k er net heal for oer.quot;

Tsjomme sei: „Jimme moatte dit hountsje nou halde ta iu oantinken oan my. Jimme scille der wol sau hwet oau wenne.quot;

Hy koe syn aide ljue wol. My tochte: „As ik mar ris foart bin, den scille se \'t wol gau hwet mei \'t beest op krije en den ha se sa gau gjin gefaer om onwennich fen my to wirden.quot; — Yn dy stille hope gyng er op reis.

-ocr page 118-

112

Mar de aide ljue waarden al onwennich IJ ja wieren yn \'e earste dagen sa mismoedich en swiersetticli, alheel mal. En lytse Fike like ek wol onwennich to wêzen. Mar hy bigoun al gau in bytsje thiis to wirden en hy streake en slikke elk hwa \'t er bynei komme koe. As de baes him al in skop joech den kaem er dóch werom en wifele frjeonlik mei de stirt hinne en wer en seach de baes sa goedlik oan, krekt as woed er him hwet treastgje.

Baimoai forgeat it yn hjar greate swiermoedichheid glêd-wei om lytse Fike iten to jacn. Och heden! it minske iet en dronk seis ek hast net. Fike kaem wol ris yii \'e koken, mar der waeide \'m ek neat yn \'e hals, hwent Setske hie sa\'n pust oan dy houn, dat se him, folgens hjar natuer wol deaskoppe woe. ïïy die wol ris hwet yn \'e hüs der \'t Sets in heislike mier oan hie.

Do \'t Tsjomme in deimannich foart wést hie siet Baimoai op in neimiddei foar de doar to breidsjen om \'t it hjar yn \'e hüs to waerm wier. Mar hjar wirk einde sahwet neat, hwent hja siet jimmer to mimerjen en seach stiif foar hjar rit yn \'e loft. Dêr waerd se yn ienen bjus-tere kjel fen in lüd bernegegül. Dat die hjar bürljues lyts jongkje, dy siet op \'e drompel mei in bóltsje en dat woe lytse Fike pakke. It bern woe de houn ófwarre en balde \'t bóltsje al yn \'e hichte, raar Fike wier hira to rêd en pakte \'t dóch Mar krekt op \'t selde stuit wie de mom er ek by, dy joech Fike in skop dat er oer \'e rêch rólle en \'t bóltsje wer los liet. De jonge gölc, de houn moatsje, it wiif raze en beare.

Baimoai gyng oerein, hja pakte Fike gau op en sei: „Nou, kom, kom! moat dat yn ienen sa mal? Jy hiene \'t beest wol deaskoppe kind.quot;

„Ja,quot; sei \'t bürwiif, „en hy hie de lytse jonge wol in finger ófbite kind. Jimme jouwe dy houn fêst gjin fretten.

-ocr page 119-

113

hwent hy stnint hjir alle dagen om en stelt hwet er kin.quot;

Do kaem \'t Baimoai yn ienen yn \'t sin dat it burwiif dêr gelyk oan hie. Hja makke gjin praetsjes mear, raar gyng mei Fike yn \'e hüs. En do sei se: „Ocli heden, earm beest! hiest sa\'n honger datst lytse Bokko syn bóltsje ont-stielste? Nou, sa scil\'t net mear. De frou wier sa fen\'e wize om \'t lis Tsjomme t\'oart is, dêrtroch wacrd Fike glêd for-getten.quot;

En do krige Fike iten, fen \'t béste hwet de frou yn \'e spyskeamer hie. Oan syn roppich skobjen koe se wol sjen dat it dier sa\'n honger hie as in wolf. Dat griisde hjar al-derfreeslikst oan. Hja helle yet mear iten en Fike krige safolle, dat er op \'t lést net mear op koe.

Fen dy ure óf oan wier Fike Baimoai hjar pop. De keap-man hie dêr earst de gek mei en pleagc hjar en skimpte der op. Mar al mei \'e tiid bigoun hy doch ek oan \'e houn to wennen en waerd er ek mal mei \'t beest.

As der in brief fen ien fen \'e bern kaem, den wier der greate freugde yn \'e hüs en dêr moast Fike mei yn dele. Baimoai balde him den de brief foar \'e noas en sei: „Sjuch ris, Fike, dit is in brief üt Samarang, fen dyn jongehear.quot; Earst bigriep Fike dy aerdichheid alheel forkeard. Den hapte er ta en snijde mei de brief üt, fleach er mei yn \'e kea-mer om, sloech er him seis mei om \'e earen en makke er sa in fodde fen. Baimoei hie den drokte genoch om do brief, tobiten en toskoerd, werom to krijen, en hja sei: „Sa mal kin \'t nou dóch yn \'e goedichheid net.quot; — Do leard\' se de houn om fetsoenlik de brief to bikypjen en dêr mei wei. Ja, hja learde him yet folie mear. It kaem skielik sa fier, dat de beide aide ljue leauden, der wier yn \'e hele wrald gjin snoader en fornimstiger houn as hjar lytse Fike.

Op sa\'n menear wier \'t stadich-oan krekt sa komd as

8

-ocr page 120-

114

Tsjomme \'t yn \'t sin hawn hie, do \'t er syn alden de lytse houn thus brocht. For gjin jild yn \'e wrald scoene se \'t beest wer misse wold ha. Grjin minske mocht Pike skean oansjên of him forkeard biskie jaen. Dy dat die rekke grif üt \'e graesje.

Nou sciile jimme \'t omtrint al bigripe kinne, dat keap-man Prilsma cn Baimoai freeslike rouwich wieren oer \'t forlies fen hjar lytse Fike. Hja suchten en grynden der oer, dat it mocht bikend stean, hja hiene in bern forlern. As der in minske by hjarren yn \'e bus kaem, wier der oars gjin praet as oer dy houn. Dat giet sa, der \'t hert fol fen is der rint de mule fen oer. Ja, der waerd ek wol ris oer oare dingen praet, mar de aide ljue wisten \'t hasst altyd sa to draeijen dat it wer op Fike tolanne kaem.

Sa wier de winter forroan en de maityd aankomd. De saunentweintichste Maeije wier der yn \'e bus altyd in greate feestdei. Den wier \'t Prilsma syn jierdei en Baimoai hjarres ek. Hja wieren beide just net krekt allike aid, by wier hjar fjouwer jier yn \'t foar; mar hja koene altyd beide tagelyk jierdei fiere, en dat het min ommers by troude ljue raar heel komselden. Hja hiene op dy dei altyd in hele bulte wille hawn. Mar nou wier \'t sa icnlik yn \'e bus. De beide bern ta de doar üt en wit ho fier fen do alders-went, en seis lytse Fike koe net raeidwaen oan \'t hüslike feest. Baimoai hie der for gjin heale cint sin oan om dy jouns smoarkoeken to bakken, lyk as oars altyd de wisansje wier.

Mar op \'t lést skeat er \'t minske hwet yn\'t sin. „Wel for-deald!quot; sei se by hjar seis, „ik scil heit bliid meitse mei in nije Pike. Klaes Koaltsjer sei okkerjouns, by hie in pear jonge hounen en ien dêrfen like krekt op üs Fike.

-ocr page 121-

115

Nou, dy moat ik den mar ha, en dy forearje \'k de keap-man op syn jierdei.quot; — Do \'t se dat yn \'e holle hie waerd se sikerwier in heel ein fleuriger en hja mimere der mar oer ho \'t se hjar plan op \'e moaiste men ear ta \'n ütfier bringe scoe.

De saunentweinrichsto Maeije briek oan. It wier moai waer en Prilsma roan de moarns ta de doar üt om in eintsje to kuijerjen. Dat kaem Baimoai krekt to pas. ïïja hie \'t al mei Klaes Koaltsjer ófpraet, dat se dy moarns it hountsje ha scoe. En dat moast allegearre tige stil en tomük tagean. Nou ja, do \'t hja krekt de kofje klear hie kaem Klaze jonge der oan mei \'t lytse beest. Baimoai flijde \'t hountsje op Prilsma\'s leningstoel del en lei in doek er los oer hinne. Do like \'t krekt of \'t se der in skiën büsdoek for hjar man dellein hie. As dat ding him der nou mar efkes kus lialde woe! Nou, it dürre net lang, der kaem Prilsma al oan. Hy die sunich de keamersdoar iepen en stiek de holle der troch.

„Nou, kom hjir raar gau,quot; sei Baimoai, „de kofje en koeke stiet al op dy to wachtsjen.quot;

Prilsma kaem oerlangsum ta de keamer yn. lly hie hwet onder \'e jas. En \'t wier krekt oft it de frou yn ionen sein waerd hwet dat wier. Jlja seaeh der f ah wet rügens en dot like nearne mear op as op in hounestirt.

„DPr ha wy \'t wraehtich al!quot; tocht se by hjar seis, wyls \'t de keapman in lyts flarde fen in kerdoeshoun foar hjar foetten op \'e groun sette en do hjar oanseach krekt oft er sizze woe: „Hwoe seist nou?quot;

„In lytse houn!quot; róp Baimoai en sloech de hannen yn elkoar. Dèr bigoun dy oare op \'e stoel ek to piipjen, sprong oerein en wier dalik op \'e groun. Dy twa koene elkoar wol. Prilsma hie sines ek fen Klaes Koaltsjer helle.

„Hwet is dat?quot; sei heit forwondere. „Yet in houn?quot;

-ocr page 122-

11(3

„Ja,quot; sei Baimoai heallud, „nou is for my de aerdicli-heid der of.quot;

„Nou, hwa deale koe der ek om tinke?quot; sei hy. „Mar \'t is ommers ek net sa slim. Sjuck, hja binne \'t al mei elkoar iens en sa kinne se in hele boel oanhald oan elkoar ha. It is wier, ns Fike binne se beide net, mar litte wy ils hjir mei tofreden stelle. Disse twa scille üs licht safolle ■wirdich wêze as Fike allinne.quot;

„Nou,quot; sei Baimoai, „twa hounen kin \'k net ha. Mar gean sitten, den scille wy kofjedrinke.quot;

Dat hie se net sein of der kaem in greate wite kerdoes-houn ta de doar ynsetten, dalik op de twa lytse ta en bi-goun mei hjarren hinue en wer to fleanen, alheel mal ! krekt oft er gek wier. Eu yn \'e keamcrsdoar stie Setske mei hjar dom gesicht dêr omtolaitsen. Mar Baimoai waerd heislike kjel en rop: „Hwet skeelt dy nou, Sets, bist net wiis?quot; En hja grypte nei de feger. „l)y greate malle houn moat ta de keamer üt! To, Sets, help my!quot;

It minske makke hjar sa lilk dat hja koe op dat stuit gjin wird mcar ütbringe. Hwent Setske stie dêr oft se \'t net helpe koe. Dat sloof Ine \'t wer goed meitse wold, dat se net goedernócli op Fike past hie, lyk as hjar altyd lor-witen waerd, en lij a hie der hjar wakker hwet fen toar-steld, ho bliid omke en moaike wêze scoeue as se wer in wite kerdoeshoun hione.

Wyls \'t Baimoai mei de stoffer efter dy houn oan \'t reagjen wier, moast Setske nei foaren, hwent der wier ien.

Ja, dêr wier Sipke, domenys tiin-arbeider, mei de groete-nisse fen dominys jiffrou, en hjir wier in presintsje lor Prilsma en de frou op hjar jierdei.

Baimoai hearde dat en róp; „Sipke moat mar efkes ynkomme.quot;

Jimme scille bigripe, rekkenje \'k, dat Jinsenburren yn

-ocr page 123-

117

\'e greidhoeke leit. Dêr geane in hopen boeren en doarps-boargers mei arbeids-minsken gemiensumer om as yn \'t noarden.

Sipke teacb de klompen rit en kaem op skienne wite foetsokken heel foarsichtich yn \'e keamer. Hy hie in roune flapkoer yn \'e hiln, dêr stykke \'t hea hjir en dêr ta\'n ut. Dy koer kaem iepen en do wie \'t: „Jiffrou hie tocht, hja woe jimme in moai lyts honntsje forearje, in jong fen hjar eigen.quot;

Nou, ja, in alderljeafst moai jong wyt kerdoeshountsje wier \'t. Mar Prilsma bigoun to razen en to bearen, hy sei: „Sa bryk ha \'k it nou noait sjoen. Dêr spilot de divel mei onder, lean \'k. Wy krije op sa\'n menear it hüs fol hou-nen. Hwa wit oft er dalik net wer ien brocht wirdt.quot;

„Dêr scoen min wrachtich it béste fen hoopje,quot; rop Baimoai rit do hoeke fen \'e keamer wei, der \'t se hinno fluchte wier om \'t it hjar to slim waerd. Hwent do \'t Sipke syn hountsje op \'e groun sette fleagen de oaren der op ta en do bigounen se mei elkoarren oan to gean op in bjus-terbaerlike menear.

„Och heden! hwet wirdt my dit in hushalding,quot; sei Baimoai mei in sucht, „Ho \'k hjir mei moat, dat wit ik net.quot;

„JSTou, it giet my ek mar yn ienen tohird,quot; sei Prilsma. „Sa\'n hounesegen dêr ha\'k my net op klear makke. Sipke, jy moasten dat hountsje mar wer mei nimme en doch domin)rs jiffrou de groetenisse en siz tsjin hjar, hja moat it my foaral net kwea nimme, marquot; . . .

Dêr kaem hjar bürman Jilke pakkedrager ta de keamer yn, dy hie sa\'n ]yrtsc snoekgrauwe wynhoun onder \'e earm, for in Ijeafhabber in alderprachtichst moai dier. Dy man, haestich en rimpen lyk as er altyd wier, seach net dat er safolle hounen al yn \'e keamer omsprongen. Hy sette syn langskonk foar Prilsma del en sei: „Keapman Prilsma en

-ocr page 124-

118

frou Pi-ilsma, mei ik de eare habbe om jimme op disse deiquot; . . .

„Hou ris efkes !quot; sei Prilsma en pakte Jilke by de earm, „lit my, as \'tjo bijeaft, earst ris prate, bünnan Jilke, den kinne jy strak wol ris wer, om my. As jy my en myn wiif op xis jierdei forearje mei in moaije oanspraek om \'is gelok to winskjen, — den binn\' wy dèr tige mei yn \'t skik, dat witt\' jy wol. Mar mei in houn moatt\' jy my net oankomme. Sjucb mar ris om jo Mime; jouwes is de fyfte. It spektakel wirdt my al to great.quot;

Jilke stie om him binne to sjon mei de eagen en de mille allegearre allike wiid iepen. Hy koe fen de saek gjin hicbte krije, — net earder as do\'t Prilsma en Baimoai him alles for. stikje ta bytsje tlein hiene.

Just woe lie de twa ljue der mei bigjinne om de brin-gers f\'rjeonlik to forsiikjen dat se hjar hounen mar wer meinamen, do wie der wer ien oan e foardoar. I rilsma en Baimoai stieken beide de earen op. Hja sei: „Och, och! hwet moatte wy op disse jierdei hwet bilibje ! Pas mar ris op! der is grif wer ien mei in houn.quot;

„Kom mar yn !quot; róp Prilsma wanhopich. „Mar,quot; sei er, „al is \'t ek ien dy \'t feu \'e kening stjürd is om my in houn to forearjen, — ik nim him net oan, dat stiet fêst.quot;

De doar gyng op en hwa kaem dêr yn ? Mozes, in J oad, dêr \'t Prilsma folie handel mei dien hie yn feilen, dêr \'t de keapman wol ris bulten jild yn omset hie, do \'ter yet yn syn fleur wie. Sa wier Mozes dêr bysondere thüs wir-den ; de keapman halde fen him om \'t er him kennen leard hie as in earlike Joad.

Mozes hie in sek mei gud op \'e rêch en ek yet hwet oan de iene earm hingjen yn in aide snüsterige reabonte ketoenen doek biknoopt. Hy sloech gjin acht op hwet er praten waerd, allike min hied er ek syn oandacht op e

-ocr page 125-

119

hounen dy \'t dér oer \'t hüs omroanen. Hy gyng rjucht-ilt en rjucht-oan op Prilsma en Baimoai ta.

„Koopman Prilsma en koopmanske !quot; sei er, „ik wens jimme feul geluk met jimme fermeerdering fan jaren, en ik hoop dat jimme noch menige geboortedach in gesontlieid magge beleve.quot; Do bigoun er syn reabonte doek los to meitsen en sei: „En nou wil ik jimme fandaach op jimme geboortedach ris blij make.quot;

Prilsma bigriep al hwet er komme scoo. Hy warde mei beide laannen tagelyk óf en sei; „Lit dy doek mar tabouil sitte, Mozes. Ik sjuch wol, dor lia jy in houn yn. Dy moatt\' jy mar hulde. Ik wol gjin ien houn mear ha, al is er by gelyks ek mei goud en juwélen bihinge.\'t Is wrachtich krekt oft jimme \'t mei elkoar opsteld ha om my hjoed it hüs fol hounen to toaijen.quot;

„ilen allerbeste koopman !quot; sei Mozes, „neem me nie kwalik. Ik zal reik worde as ik wat geweten heb fan mensen, die jou honden in huis dochte te brengen. Waarach-tich ! ik heb et niet geweten. Maar ik docht je blij te make, men goeje frint, as ik je thuis brocht jou eigen kleine hont, die ommers so ongelukkich weg geraakt is. As ik fan de week kwam an de Workumer kant, waar ik de hele winter nie geweest was, heb ik daar gefonden bij \'en boer jou kleine lieve Fike ! — heet i so niet Pquot;1

„Pike ? ! rópen de twa ljue beide tagelyk, „Pike ! hwêr is Pike ?quot; — Baimoai hie Mozes syn aid doek ek al beet, en jawol, man ! dêr kaem Pike üt springen. It beest Heach yn ienen by Baimoai op en wier aldernuverst üt \'e skroeven. Hy wist syn blidens suver gjin ein. Den fleach er wer nei Prilsma en den nei Baimoai. Mar do \'t er in bytsje ta bidarjen kaem, bigoun er to granzjen en to byljen tsjin dy freamde hounen, om dy sa to bi-tsjutten dat hy dêr it masterskip yn \'e hüs hie. De ljue

-ocr page 126-

120

dy \'t de freamde hounen brocht hiene moasten mar gau meitse dat se foart kamen. Do fleach Pike wer op \'e baes cn de frou ta. Op \'t lest wier er fen al dy drokte sa skiën óf, dat er op in stoel lizzen gyng en nei de siken gappe.

Do \'t de freamde hounen ta de doar ut wieren, moast Setske de twa dy \'t Prilsma en Baimoai elkoar jown hiene, foarearst mar ris mei nei de koken nimme.

„Godtank !quot; seijen de aide ljue beide tagelyk. Do waerd Mozes traktearre op kofje en koeke en der by forsocht om ris krekt to fortellen op hwet menear hy Fike eigentlyk foun hie.

„Ja, men ghoeje frinden,quot; sei Mozes, „wat ik jimme allereerst fertelle mot, ik kom daar bij \'en boer onder Par-raga, \'en hele ghoeje kennis fan me, allernobelste mensen, de boer en de frou beide. Daar sit ik in et mulhüs by de boer te praten, daar foei ik wat snuffelen au men broeks-pipen en men schoenen. Ik denk wat is tat ? en ik kyk er ris na. Dat was \'en allerliefste kleine kardoeshond.— Men lieve Ghot in den hemel! roep ik in eenen uit, dat is ommers men ghoeje frint koopman Prilsma zen klein hontje. — Het de boer mij ferteld dat i dat hontje het gekocht fan so\'n omloopers-jonge, die met \'en harmonika liep te speulen bij de huzen langs. As de boer gezien had dat de jonge dat beestje mishandelde, toe had hem dat begroot om et arme dier. En toe had i de jongen et hondtjen afgekocht. De man kon niet anders denken as dat et de jonge zen eigen hont was. Maar as ik hem zech: boer, de jonge mot dat hontje gestole hebbe, want et behoort an Koopman Prilsma van Jinsenburen, — toe zeit de mau teuge me: „Nou Mozes, weet je wat je dan doet? Neem jou et beest mee en breng et an zen wettegen eigenaar terug. — As je zoo goed weze wilt en doen die moeite,quot; zeit de man teuge me. — Nou, dat kun je denke, koopman en koopmanske!quot;

-ocr page 127-

121

Do wie der oan \'t forwonderjen en freegjen en praten gjin ein. Dat gyng yet in hele poas oan ien tried wei. Prilsma en Baimoai wieren alderdanichst yn hjar skik. Hja woene Mozes graecli dübeld en dwers bileanje for de moeite dy \'t er dien hie. Mar der woe de man gjin praet feu hearre, dat like der neat nei.

Mar hy moast den dóch onthjitte, dat er noait hjar doar foarby gean scoe as er to Jinsenburren kaem. Dat woed er wol onthjitte en het er ek trou folbrocht. En den waerd Mozes altyd onthelle en let en set as ien fen hjar sibste frjeonen.

Mellema en Mollema.

„Hwet deale!quot; sei baes Mellema Tsjin \'t wüf, „ik kin net langer sa.

De holle stiet dy altyd dwers.

Dat bin \'k as gêstioh spek sa wers.

\'k Wol iitfenhiis in dei of hwet.quot;

„O man!quot; sei Sibhel, „ja, doch dat.

Bist dou om utens wit ho fier,

Den krij ik ek hwet wille en tier.quot; —

It plan waerd ütfierd malle gau.

Baes makke \'m ré en sei de frou Goemoarn. Hja gnyske \'m efternci En tocht; „Bliuw mar in feans-jier wei!quot; — Hy woe nei Drylst in reiske ha.

Dêr wenne in snider Mollema,

Dy like, sei min, sa op him,

Hjar t\' onderskieden dat wie slim.

-ocr page 128-

122

Nou hie dyselde Drylster man Ta\'n reiske krekt allyk in plan.

Jawol, de snider Mollema Dy spriek syn wyfko frjeonlik ta; n\'k Wol dtfenhüs nei Frjentsjer. Fêst Ha \'k der yn tweintich jier net wést. — Hja sei: „Och Ijeave ginst! honear?quot; Hy sei: „Ik meitse strak my klear.quot;

„Mar,quot; sei se, „moarn wirdst fyftich jier. En den fen hfis? Dat \'s sikerwier In bytsje raer.quot; — „Wel né,quot; sei hy. „\'k Ha \'n hekel oan dy fljuggerij,

Ik bin dat segenwinskjen ba.

To Frjentsj er wol \'k nei Mellema, Dy liket my sa krekt, ha \'k hjerd, ITs onderskiede kin min net.quot; —

„Nou,quot; sei se, „bliuw mar net to lang.quot; „Né,quot; sei er, „wês dêrfor net bang.quot; — Hja namen ofskied fen elkoar En baes gyng op \'e reis mei \'t spoar. ïo Frentsjer foun er ridlik gau It bus feu Mellema. De frou Kaem ut de keamer wei him tsjin En seach sa nidich as in spin.

Hja wier oars danich yn \'e pré;

Hja bic bürwyfkes op \'e thé.

Nou miend\' se dat hjar man it wie, Dy \'t as in freamde foar hjar stie. En dalik boldre se ut; „Wel stom! Komst nou yn ienen al werom? Dat neam ik gek-oanstekkcrij.

Kom, foart, mar handich! siz ik dy.quot;

-ocr page 129-

123

Alheel forslein roan Moilema De doar üt en lij a klapte \'m ta.

Hy gyng mar nei in weardshüs do En sei der, dat er bliuwe woe Dy nachts. — „Kom,quot; lake de aid kastlein, „Nou, leau ik, rint de wrald op \'t ein. As baes net langer sliepe kin Yn eigen went, den stiet it min.

„Bitelje my mar earst ris, man,

Hwet \'k habbe moat en freegje den quot;Wer om hwet oars. Howol, ik siz Yet net, dat dnt for \'tfreegjen is.quot; —-Nou, Moilema blean goed. Hy sei: „Jy binne mis, man !quot; en hy lei Syn saken iepen, dat yn \'t ein Hy foun geloof by de aid kastlein.

F en \'t spoar to Drylst kaem Mellema En sei: „Hwêr wennet Moilema?quot; De minsken seijen ; „Hea noch ta! Wol baes lis nou for \'t soaltsje ha, Of het er \'n foege sneed yn \'t ear En wit syn eigen luis net mear?quot; — „Sjuch, baes, der stiet it !quot; sei er ien, „Dêr het it ommers altyd stien.quot;

Hy gyng dêr hinne en oan \'e doar Dêr skille er en de faem kaem foar, Dy sei forwondre „IIo is \'t nou ? De reis al óf-lein ? Dat is gau.

-ocr page 130-

124

De frou is nei hjar sister gien To Parregea en komt misskien Net eardcr thiis as moarn oerdei, Of bliuwt licht ek wol Linger wei.

Jt wier hjar hwet to yenlik thus, Do liet se \'t spil mar oer oan üs.quot; — Sa praette \'t fanke yet al mear En makke wiles \'tjounmiel klear. „De deale !quot; toclite Mellema, „\'t Is better hjir as ik it ha.

Moat ik for Mollema hjir gean, Ik leau, dat is wol üt to stean.quot;

En woltofreden fiijde er do II im yn \'e stoel sa seaft er koe, En iet en dronk mar. En forsocht Er mear, dat waerd him dalik brocht. Hy tochte : „Dit foldocht my bést. Koe \'k hjir mar bliuwe sa for fêst! As \'k thus wer by myn Sibbel kom, Den sopje \'k meastentiids net rom.quot;

Hy sliepte de oare moarne lang En moast yct üt \'e koai mei twang, Hwent sjuch, der kamen ridlik gau In hopen alderhanne ljuw Him lok to winskjen mei de dei, En brochten ek presintjes mei. Hy haldo \'m derby dea ketoen, Mar paste goed op syn fetsoen.

Ek onder onren kaem er ien Mei \'n rekken en dy waerd foldien. De liepert tocht: „Dat is myn flij. En bytsje reisjild foeget rny.

-ocr page 131-

«

125

Om myn part komme er sokken mear. \'k Bin siker hjir in liele hear. 0 fij! as \'k om myn Sibbel tink Is \'t oft ik yn \'e groun forsink.quot;

Baes Mollema to Frjentsjer wie Der skraech sa good oan ta. Hy hie Hwet troch to stean onfoege min. \'t AVier krekt as hied or alles tsjin. De jouns gyng\'t net sa bare slim, Dy aid kastlein wier goed for him, Mar do\'r de moarns kaem op in baen, Do wie \'t er ridlik gau to dwaen.

Hy kuire stil de strjitte lans,

Do niette \'m dêr in nuvre Hans, Dy loek oan \'e earm him sahwet mei, Towile er heel fortroulik sei:

„Forline snjeuntojoune, maot,

Hest my bidondre mei de kaert. Kom-oan, traktearrest dêrfor nou? Den siz ik neat, don bist er ou.quot; —

Dat noaske Mollema mar min.

Mar \'t koe net bate. Tsjin syn sin Gyng \'t yn in weardhüs. Dy kastlein Sprong dalik mei ge welt oerein En sei: „Komst dou hjir ek ris wer ? Bitelje nou mar haestich, hear!

Oars rekkest, dat fortel ik dy.

Net fen in htid fol bruijen fnj.quot;

É.

-ocr page 132-

126

Dêr praette Mollema wol tsjin: „Jim miene in oaren as ik bin,quot; En woe \'t hjar dudlik meitse, mar Dêrfor wier gjin gedild by hjar. Hy ficlde gau, \'t forstannichst wie Mar lyk to meitsen liwet dêr stie. Wyls\'t süpte \'m ek dy rare fiat Op baze kosten skeef omtrint.

Dat Mollema wol foartgean woe Sa gau er dat mar skikke koe,

Dat lit him tinke. Hy wie ré.

Der üt to glupen, mar o wé! Dêr kamen fjouwer swacbels yn, Dy sylden lang net goed healwyn, Dy rópen: „O! dêr is dy snaek ; Nou scil er \'t wantsje habbe omraek,quot;

„Hou !quot; sei er, „slaen net dalik ta. Jim miene, tink ik, Mellema,

Dy bin ik net.quot; — Dat holp him neat Syn praten waerd net ienris hoard. — De hospes, dy \'t hwet makker wie Omdat er skiven krige hie,

Dy holp de man op \'t lest hwet mei. Sa kaem er üt de rüzje wei.

Hy roan nei \'t spoar sa hird er koe En tocht, hwet memke sizze scoe As hja ris wist ho \'t mei him roun En hwet er dêr al onderfoun. Een Drylst óf op nei Erjentsjer ta Siet ek yn \'t spoar wer Mellema. Hie \'r earst to Drylst it rom en fet, Syn hearring brette op \'t lést dêr net.

-ocr page 133-

127

De frou wier thnskonid tsjin \'e joun, En do \'t se Mellema dêr foun Stie se earst to sjên, mar gau biredt Sei \'t minske : „Dou bist mines net.quot; Dit brocht him dalik ta \'t bislut:

„Jfou bin \'k forkalden, \'k moat er ilt.quot; Hy makke neat gjin niantsjes mear, Mar dalik ta de reis him klear.

To Ljouwert wikslen hja fen spoar, Fordeald! hja seagen dêr elkoar En tocliten beide: „Dy ma\'k ha!quot; En roanen op elkoarren ta.

Mar ear \'t se wien\' oan \'t praten komd Waerd Mollema by \'t skouder nomd. Polysjetsjinders hiene \'m beet, Dy seagen bare stoet\' en wreed.

Pen Drylst óf wie der tilgrefeard Oer Mellema. Dy hie mar beard Dat hy de man fen t hns dêr wie, Hwêrtroch er jild ynpalme hie.

jSTon trof it wer tafallich sa.

De tsjinders grypten Mollema,

Dêr \'t Mellema gjin wird yn sei. Hy glvipte dealse gan dêr wei.

Doch kaem do saek ta klearrichheid En Mollema dy wonn de pleit. De tsjinders seijen: Jy binn\' frij,

En dy \'t wy habbe moatte is hy.quot; „l^on kom,quot; sei Mollema tsjin hjar, „Trien alles yn \'e dofpot mar.quot; Hy wist fen blydskip him gjin rie Do \'r wer to Drylst by memke wie.

-ocr page 134-

Y I I L D.

Blêda.

In Biddeltekken............... 3

Eltse minske het in sin............ 5

It fortribele Boask..............24

Trije Frjeonen................36

In eigen wize Buer..............42

Roazemültsje.................50

Fier der om roan, tichteby foun........65

Trije seldsnmme Dingen............73

In Dokters Rie................7(3

Maityd yn \'e Winter.............78

Ut to Domenyprieuwen............80

Baes Ealse syn Papegaei ...........93

In Doarp yn Opskoer.............98

Hwet forgetten................105

Fike is wei.................109

Mellema en Mollema.............121

fprfó

-ocr page 135-
-ocr page 136-
-ocr page 137-
-ocr page 138-